Erfgoed Fundaasje

In soad kostber argyfmateriaal wurdt wei troch achteleas fuortsmiten, faak út ûnkunde. Om dêr wat oan te dwaan is de Stichting Erfgoed Fundaasje oprjochte. Erfgoed Fundaasje is op it stuit yn Fryslân it bêste plak om jo arfgystikken feilich te stellen. Famylje- en bedriuwsdokuminten wurde opspoard, opslein, ynventariseard, rubriseard en tagonklik steld


Nijs


  • HISTORICAL-INTERCULTURAL MANIFESTATION ABOUT THE POTATO 2023

    HISTORICAL-INTERCULTURAL MANIFESTATION ABOUT THE POTATO 2023

    The Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij publishing house organizes a historical intercultural multi language project about the history of the potato and the cultural place of this tuber.

    Lês fierder


  • HZPC 125 JIER KENINKLIK

    HZPC 125 JIER KENINKLIK

    It hannelshûs Hettema waard 125 jier lyn offisjeel oprjochte; de skiednis fan Hettema en ZPC is beskreaun troch Erfgoed Fundaasje. It predikakaat keninklik wurdt bestendige op moandei 27 febrewaris 2023. Sjoch at jim noch mear witte wolle oer de foaroansteande rol fan Nederlân weareldwiid op it gebiet fan setierdappels ús Ierappelprojekt yn novimber at wy…

    Lês fierder


  • HISTOARYSK-YNTERKULTURELE MANIFESTAASJE OER DE IERDAPPEL

    HISTOARYSK-YNTERKULTURELE MANIFESTAASJE OER DE IERDAPPEL

    Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij set op 18 novimber 2023 in histoarysk-ynterkulturele dei op oer de skiednis fan ’e ierdappel en it ynterkulturele plak fan dy knol.Soks nei oanlieding fan it feit dat ien fan ’e grutste Nederlânske ierdappelhannelshuzen, HZPC, fan ’t jier 125 jier bestiet. Nederlân is weareldwiid ien fan ’e meast foaroansteande ierdappelbou-…

    Lês fierder


  • SKINKING KOLLEKSJE ERINGA

    SKINKING KOLLEKSJE ERINGA

    Op 12 oktober 2022 waard troch Ruth Bouman te Amsterdam it argyf fan har mem Dieuwke Idske Eringa skonken oan Erfgoed Fundaasje. Dieuwke Eringa (Rotterdam 1911 – Amsterdam 2003) wie learares Frâns, letterkundige, dichteres en skriuwer, ûnder oaren fan de autobiografy Ik ben van elf. Dieuwke Eringa woe dat har skriftlike neilittenskip yn Fryslân te…

    Lês fierder


  • Skinking Kolleksje Sevenster-de Jong

    Skinking Kolleksje Sevenster-de Jong

    Op 10 augustus 2022 hawwe Simy Sevenster-de Jong en Anton A. Sevenster te Wier in Kolleksje Sevenster-de Jong skonken oan Erfgoed Fundaasje.Dat argyf omfiemet foto’s en dokuminten op alderhanne gebiet, ûnder oaren:– genealogyske hâldfêsten oangeande famyljes De Jong en Sevenster te Wier;– in mobilisaasjeferslach fan Geale Jelles de Jong (nr 2 yn dizze kertiersteat).Dat befettet…

    Lês fierder


Tentoanstelling Hellema

Mei Tsjerkepaad 2022 is yn Wurdum in útstalling oer de famylje Hellema. Dêr binne ek de portretten te sjen fan Wyger Doekes Hellema en syn frou Jetske Ottes Idzerda.
Sjoch foar mear ynformaasje Famylje Hellema – Genealogy Hellema opset troch Erfgoed Fundaasje.


Psalm 103
28 febrewaris 2022
8 april 2022

Sa’t sterke hannen fan in mem allinne
har eigen bern yn leafde drage kinne,
sa tilt Hja ús troch wâld en wyldernis.
Ut stof fan d’ ierde hat de Mem ús makke.
Har soargen gean oer ’t lytse en oer ’t swakke,
want Hja betinkt, hoe tear ús libben is.


MOAIE PRESINTAASJE
JE MAG WEL BANG ZIJN, MAAR NIET LAF
OP 29 MAART 2022
Begjin 2021 ferskynde in famyljekronyk oer de famylje Bakker út Bûtenpost-Ljouwert, skreaun troch Toni Boumans ûnder de titel Je mag wel bang zijn, maar niet laf – De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker.

Yn gearwurking mei de auteur set Erfgoed Fundaasje in Genealogy Bakker op fan û.o. neikommelingen fan Miente Popkes Bakker en Trijntje Dirks van der Schaaf, soks as hâldfêst en oanfulling. Dêrby wurde yn de Kronyk P.S. Bakker oantinkens en wederwarichheden tafoege. Bydragen fan belangstellenden binne wolkom.
Troch de Keroane-tiid wie de presintaasje fan it projekt útsteld; dy wie op tiisdei 29 maart o.s. yn it Fersetsmuseum te Amsterdam m.m.f. it Frieda Belinfante Strykkwartet. De seal wie fol mei sa’n fyftich lju. Oan it wurd kamen ûnder oaren ûndersykssjoernalist Wim Kayzer oer de fersetsdieden fan fjouwer bruorren Bakker, Hanneke Groenteman dy’t brieven foarlies fan alle njoggen bern Bakker oan har heit Miente, Bert Bakker oer syn heit Bram dy’t as rjochter te Assen wegere om Dútse ynstruksjes út te fieren, oppakt wurdt mei as gefolgen dat syn frou en fjouwer bern yn konsintraasjekampen bedarje en Goasse Brouwer oer de erflikheid fan bi- en homoseksualiteit yn ’e famylje.

Sjoch: Bakker (Bûtenpost)

Toni Boumans liedt yn.
Rjochts: strykkwartet Frieda Belinfante.
Foto’s: Anne Brouwer, Bergen
Wim Kayzer


BOELSTRA YN BEWEGING



De genealogiën op ’e side fan Erfgoed Fundaasje wurde troch ûndersyk aloan oanfuld. Sa hat Ype Brouwers, genealooch te Ljouwert, nije feiten opdjippe oangeande foarâlden Boelstra. Dy binne 6 maart 2022 yn ’e Genealogy Boelstra ferarbeide. It giet om Stamrige nr II Tiaerdt Sydses x 1638 Dieu Auckedr.


ÚTSTALLING FRJENTSJER POËZY FAN TSJISSE HETTEMA
FILTWURK FAN AAFJE BOUWER

Yn ’e midsiuske kelder fan it Alde Stedhûs fan Frjentsjer, Riedhúsplein 1, is in útstalling ynrjochte fan poëzy fan Tsjisse Hettema (Bitgum 1955-Frjentsjer 2021) en filtwurk fan Aafje Bouwer. Dy gedichten keppele oan byld yn filt kamen yn 2021 út yn ’e bondel Hewwy dàt.

De tentoanstelling is op ôfspraak te besjen, dêrfoar kin belle wurde mei de Stichting Erfgoed Fundaasje, 058-212 00 35.

Lês fierder


HZPC HAT HAST DE 125 JIER HELLE
Hannelshûs Hettema is yn 1898 oprjochte.
Neffens oerlevering yn ’e famylje is dizze ûndernimming oprjochte mei de namme Handelshuis Hettema of Hettema Aardappelhandel en is de oprjochtingsdatum: 27-2-1898, dat is de jierdei fan Hette Hettema, hy wurdt dan 35 jier (* Bitgum 27-2-1863). Mar Hette Hettema hannele al earder yn benammen setierdappels – ek op Dútslân.

Sjoch Erfgoed Fundaasje:
Hannelshûs Hettema
Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema
Genealogy Hellema

As de soannen Tjitze en Fokke yn ’e saak komme wurdt de namme: Firma Hettema Zonen.
Yn 1999 is Hettema fuseard mei de ZPC ûnder de namme HZPC.
HZPC, de famylje Hettema en Erfgoed Fundaasje wolle der graach achter komme oft der noch bewiistikken binne oer de oprjochting yn 1898, want dy binne oan no ta net foar hannen. Wa hat noch sokke dokuminten? It giet dan om keapakten, foto’s mei data en âlde rekkens.

HZPC op Wikipedia


WA BINNE DIZZE NAUTA’S?
Erfgoed Fundaasje hat wer in âld foto-album digitaliseard en dêrby in genealogy opset. It giet om de famylje Jelle Doaitzes Nauta te Bitgum. Fan gâns oerlevere portretten is wer net bekend wa’t it is. Wa kin helpe?
Genealogy Jelle Dooitzes Nauta
info@erfgoed-fundaasje.nl


KOLLEKSJE SINNEMA
Op 23 desimber 2020 hawwe Sake Meindersma en Geertje Meindersma-de Boer te Burdaard oan Erfgoed Fundaasje skonken har Kolleksje Sinnema, dy omfiemet foto’s, roubrieven en oare dokuminten út de neilittenskip fan Gryt Sinnema.
Hjirneist Gryt Sinnema har muoike en har mem, Pyt en Gryt Boschma.
Rjochts de roubrief fan har oer-oerpake Hendrik Louws Palsma. Weardefol dat ek sokke roubrieven bewarre binne, smyt se net fuort!

Sjoch: Genealogy Sinnema.


ÛNTWERP TEGELTABLO TICHELAAR MAKKUM
Oan de Kolleksje Brouwer-Bitgum is tafoege in ûntwerp út 1953 (datum ferpakking: 7 july) foar in tegeltablo fan N.V. Tichelaars Kleiwarenfbriek te Makkum (Koninklijke Tichelaar, 1572)
It tablo wie wierskynlik ornearre foar in nij hûs fan de ierdappelkweker Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong, pioniers yn ’e Noard Oast Polder, mar it is noait útfierd. De tekening yn swart potlead is 39 sm breed en 65 sm heech.
Sintraal stiet de libbensbeam, middenmank in doarpsgesicht mei tsjerke en kop-hals-romp pleats mei op ’e foargrûn in ploegjende boer achter in ienskaarploege lutsen troch in twaspan. Dêrneist in silende aak of snikke.
Underoan de beammestam stiet yn Jugendstylletters beskreaun: Psalm 24:2; en yn ’e woartels linksom: De Heare sines is de ierde, en rjochtsom: Hy hat se groune op’e séën. Op ’e ûndergrûn in iepen boek – de Bibel tink – mei de tekst: Dy’t oer-wint, ik/scil him/to iten/jaen van de/libbens-beam/Iep.[enbieringen] 2:7.
As dit tablo útfierd wie, soe it fyftjin tegels fan 13 x 13 sm. befette hawwe; trije yn ’e breedte en fiif yn ’e hichte, de rânê dêrby ynbegrepen.

De tekening is net sinjeard. Mooglik is de makker Jan Romkes Steensma (Purmerend 1887-Snits 1967; x 1918 Tjitske Steringa), dy’t sûnt 1907 as plateelskilder wurket by Tichelaar te Makkum.
Sjoch: P.J. Tichelaar, Fries aardewerk – Tichelaar Makkum 1868-1963, Primavera Pers, 2004, ISBN 9789074310901, side 213). Mei tank oan Pieter Frietema fan Keninklike Tichelaar.


ANTIKE BEHANGÛNTWERPEN
Oan de Kolleksje Hellema is tafoege in samling ûntwerpen yn swart potlead en plakkaatferve foar plafond- en behangdekoraasje. Te sjen binne patroanen yn Jugenstyl mei blommefigueren en fûgeltsjes. Op ien is de Grutte of Sint Martenstsjerke fan Hallum útbylde.
De potleadtekeningen binne makke yn 1913 troch M.J. Steenstra. Wa wit wa’t dizze ûntwerper is?


FOLSLEIN ZIJLSTRA ARGYF
Op 1 augustus 2020 is troch Theodora Jelles Zijlstra en har man Tæke Meintes Brandsma te St.-Anne in Zijlstra-argyf oan Erfgoed Fundaasje skonken. Dat bedriuws- en famyljeargyf waard lang bewarre op ’e Sylstra-pleats op Kleaster-Lidlum ûnder Easterbierrum en kaam by Thea Brandsma-Zijlstra telâne omdat har staach as lêste op dy âlderlike pleats buorke.
Dit argyf is fan grutte wearde, want de famylje hat de bedriuwsboekhâlding sawat sûnder hiaten behâlden fan ein 19e iu oant de njoggentiger jierren fan ’e 20e iu.

Skinking Kolleksje Zijlstra,
Genealogy Zijlstra


US ALLER KAREL DE GRUTTE
Wat moat Karel de Grutte hjir? Sawat iderien yn it nachtlân (Abendland) hat bloed yn ’e ieren fan dizze fjoerfrettende twinger en tagelyk Heit fan Europa. Sadwaande hat er ek in plak yn de Kertiersteat fan Goasse Goasses Offringa, ûnder oaren it safolleste, te witten nûmer 570.270.302.208. Wat seit dat ‘heech’ komôf?  As je rekkenje dat it oantal foarâlden per generaasje ferdûbelet, dan ha je yn ’e tiid fan oerpake Karel teoretys 570 miljard foarâlden. En om 800 hinne wurdt Europa befolke troch mar sa’n 35 miljoen.

Sa betreklik, sa tagelyk tichby. Klik bygelyks, ast der niget oan hast, troch nei nûmer 8701634 yn dizze kertiersteat Floris V graaf fan Hollân en Seelân, ’Der keerlen god’ en ‘Hear’ fan Fryslân’, sa neamt de man himsels teminsten; of nei Mathilde Plantagenet en al dy har foarâlden, nûmer 139226153. En ast de smaak te pakken hast, is dêr fuortby samar nûmer 17820946945 Gorm den Gamle, de Alde, de earste koaning fan Denemarken. No ja, evensagoed: oaren sille trochdolle wolle oan Adam ta: Offringa: From Adam To Esther


AS IT DAGET
by wurd en geast fan Obe Postma.

Hawwe jimme wolris west yn it tsjerkje fan Nijhuzum?
Ik ha ek wol myn besinnen yn dat doarpke hân,
wie it net yn ’e tsjerke dan wol foar de pleatsen oer,
dy stjelp fan generaasjes Galema’s,
/…/
Mar no wolle frjemde opstigings – sa’t skynt
gjin weet fan sielelibben – te Blessum
de hegere kultuer frij baan jaan:
Lês fierder

Lês mear: Genealogy Offringa (Fergees)

Ynterieur Blessum

Klik hjir foar earder nijs.