Home » Aisma, van » Genealogy Van Aisma

GENEALOGY
VAN AISMA

For the introduction in English, click here.

Dizze famylje Van Aisma hat de namme ûntliend oan har Zathe Groot Aisma ûnder Bitgummole. Evert Klazes (IV.1) neamt him yn 1811 mei syn trije susters Van Aisma, nei de pleats dêr’t er op buorket en dy’t er sels dy namme jout. Se binne fan gernierskomôf, grif is har pake yn ’e stamrige arbeider te Menaam, want dy is net as brûker fan lân fûn, oerpake is kastlein.
De namme is net skipe út besibbens oan de hearskippen Van Aysma, dy’t sûnt de midsiuwen te Bitgum op Aysma State residearden.

Evert wurdt troch syn frou in begoedige man. Syn soan Johannes trout ek yn ’t jild en pakesizzer Hartman allyksa, trije kear. Oerpakesizzer Johannes Hartman van Aisma bringt, úteinlik as iennichst erfgenamt, dat famyljebesit gear yn in stichting. Mei it oanwaaksend besit, komme ek de maatskiplike funksjes: tsjerkfâd, gemeenteriedslid, wethâlder, boargemaster, lid Provinsjale Steaten – en dêrmei status.

Dit is in ‘lytse’ famylje, dat wol sizze dat de manlike leaten net mannich yn tal binne: fiif folwoeksenen, wêrfan twa sûnder bern. Sadwaande bliuwt de namme beheind. En it skaai stjert yn manlike lijn yn 1942 út mei Johannes Hartman van Aisma.

De measten binne Nederlâns Herfoarmd; mei útsûndering fan Tjitske en Trijntje Everts van Aisma (III.1.3 en III.1.5) dy’t earst Herfoarmd binne en letter Doopsgesind wurde en dy har minniste manlju Cornelis Jarigs Mollema en Thomas Rinks Groenveld; itselde jildt foar Hartman van Aisma (VI.2), ek hy giet oer nei de Werdopers.
Pieter Fabrij de Jonge (IV.1.4) is foar syn houlikse steat Kristlik Grifformeard en letter frijsinnich Herfoarmd, yn it Befolkingsregister fan Ljouwert 1859-1876 stean hy, syn frou Gertje en pleechsoan Johannes Hartman lykwols noch te boek as Grifformeard, yn it Befolkingsregister fan 1876-1904 alle trije as Nederlâns Herfoarmd.

Oanlieding dat Erfgoed Fundaasje har yn 2020 op ’e nij ferdjippet yn ’e Van Aisma’s, is it ûndersyk fan Maurice van Lieshout nei Lucien von Römer (1873-1965) dy’t yn Breda befreone wie mei Hartman Van Aisma. Von Römer skreau sa’n tritich gedichten op Hartman. Sjoch foar in foarpriuwke fan Van Lieshout syn stúdzje yn dizze genealogy by Hartman van Aisma (VII.2).

Yn 2008 hat Jan van der Leij te Bitgummole yngeand ûndersyk dien nei de famylje Van Aisma. Dat nei oanlieding fan in besite oan Bitgum en Bitgummole fan Amearikaansk neiteam fan Minke Everts van Aisma (IV.1.2) . Van der Leij hat yn detail de libbensrin fan ûnderskate Van Aisma’s neipluze en dêr wurdt yn dizze genealogy tankber gebrûk fan makke.
Op 27 oktober 2020 hat Van der Leij syn ûndersyksargyf mei foto’s skonken oan ’e Stichting Erfgoed Fundaasje, dy’t dat ûnderbringt neffens kontrakt by de Gemeente Waadhoeke, dêr’t it foar de takomst feilichsteld wurdt en tagonklik is foar algemien rieplachtsjen. In weardefolle oanwinst!

Oanfulllingen, ferbetteringen binne tige wolkom; allyksa dokuminten, lykas foto’s, brieven, akten. Itselde jildt foar libbenssketsen en anekdoaten.
Sok erfguod kin troch Erfgoed Fundaasje argiveard wurde en foar de takomst feilichsteld by de gemeente Waadhoeke. Wês foarsichtich mei fuortdwaan. Foar priveedokuminten jilde beskermjende betingsten oangeande wol of net ynsage. Nim kontakt op foar frijbliuwende foarljochting: formulier – mail: info@erfgoed-fundaasje.nl

Undersyk: Erfgoed Fundaasje, de earste generaasjes yn ’e mande mei Johannes Woudstra, Ljouwert

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x  = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Sykje mei de sykfunksje.
A translation of this pedigree is on its way.


GENERAASJE I  

I.1 Claas Everts
, wennet yn 1701 te Menaam; yn 1708 kastlein op Hobbemabuorren te Dronryp; Klaas en Pytsje binne yn 1708 lidmaten te Dronryp; 
x Menaam 20-2-1701, beide fan Menaam, Pytie Jochums ~ Dronryp 21-10-1674; dr fan Jochum Meinderts, by trouwen op 16-10-1673 te Penjum, nei houlik húsman yn ’e Puollen ûnder Dronryp, en Jantie Jans, by trouwen te Menaam en yn 1698 as widdo boerinne op stim 51 te Dronryp
Bern:
1 Evert Clases, folget II.1
2 Janke Clases ~ Dronryp 4-9-1707 

GENERAASJE II
II.1 Evert Klazes ~ Menaam 15-3-1705; mooglik arbeider of middenstanner te Menaam;
x Menaam 18-5-1732, beide fan Menaam, Trijntje Harings † Menaam -12-1772; dr fan Haring Jelles, yn 1665 te Achlum, yn 1688 timmerman te Bitgum, en Brecht Hessels;
Tryntsje x 1 Menaam 6-7-1721, beide fan Achlum, Hessel Theunis * Easterlittens 2-12-1689 ~ dêr 15-6-1690 † Menaam 20-7-1731, 41 jier; yn 1728 boer op stimnr 63 te Menaam; sn fan Theunis Annes en Sytske Hessels

Bern:
1 Klaas Everts, folget III.1
2 Pietje Everts ~ Menaam 26-6-1735
3 Jeltje Everts ~ Menaam 21-2-1740

GENERAASJE III
III.1 Klaas Everts
† Menaam 1780; wierskynlik gernier te Menaam;
x Menaam 19-10-1764, beide fan Menaam, 31 eb 22 jier, Minke Johannes * 1742 ~ Menaam 2-2-1754 † Berltsum 8-3-1813, hûsnr 74, 70 jier; yn akte fan ferstjerren rintenierske neamd; dr fan Johannes Heeres, skipper te Menaam, en fan Aafke Philippus (of Johannes?), wenje te Ingelum ûnder Menaam (neffens stjerakte fan Minke).
Neffens houliksbylagen fan E.K. van Aisma (IV.1) en H.P. Siderius yn 1830 is Minke ferstoarn yn 1805, mar dat sil in fersin wêze; neffens deselde houkliksbylagen is Minke in dochter fan Johannes Heeres en Aafke Johannes.
Bern:
1 Evert Klazes ~ Menaam 10-8-1765
2 Evert Klazes van Aisma, folget IV.1
3 Aafke Klazes * Menaam 11-3-1770 ~ dêr 1-4-1770

4 Trijntje Klazes van Aisma * Menaam 9-3-1773 ~ dêr 18-4-1773 † Bitgum, wenjend te Menaam, 13-9-1834, hûsnr 78, 61 jier; by fertstjerren tsjinstfaam te Berltsum; Tryntsje lit in saldo nei fan f 470,56
5 Antje Klazes van Aisma * Menaam 30-6-1776 ~ dêr 8-9-1776 † Berltsum 21-9-1849, 75 jier; doopt op belidenis te Berltsum 33-5-1819; gernierske te Menaam, yn 1844 en by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Salvus Beerends Klaver * omstrings 1775 † Berltsum 27-2-1840, hûsnr 67, 65 jier; gernier te Berltsum; sn fan Beerend Heerkes en Hiltje Salvus
6 Jeltje Klazes van Aisma * Menaam 22-1-1780 ~ dêr 13-2-1780 † Bitgummole op Groot Aisma 13-4-1856, hûsnr 87, 76 jier, [] Bitgum rige 12, grêf 11; gernierske op Groot Aisma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole, by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Bitgum 29-3-1801 Jacob Wybes Gosliga * Marsum 2-3-1774 ~ dêr 12-3-1774 † Bitgummole 28-8-1821, 45 jier, hûsnr 90, [] Bitgum rigel 12, grêf 10; gernier te Bitgummole; sn fan Wybe Klazes Gosliga, gernier te Ingelum, yn 1817 mei attestaasje nei Bitgum, en fan Hiltje Jacobs Gosliga
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Gosliga

§ MANTELSOARCH: TRIJE GENERAASJES OP IEN STEE 
Jeltsy Klazes van Aisma, de jongste suster fan Evert, wennet as widdo mei har beppesizzer Jabik Gosliga yn by har omkesizzer Jehannes Everts van Aisma-en-dy (V.1) op Groot Aisma (=Nij Grut Aisma) op Dyksterhuzen. 
Jabik is wees en wurdt opbrocht yn syn beppe Jeltsje en neef Jehannes van Aisma har húshâlding. As boike wurdt er yn ’e kuier yn ’t doarp Jabik van Aisma neamd.

§ AYSMA EN AISMA
De Van Aisma’s (mei i) binne net besibbe oan de aadlike Van Aysma’s (mei y); dy hearskippen of haadlingen residearden oant midden 18e iu op Grut Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole. Oardel iu letter buorket Evert Klazes in pear gewinten fierderop op Palsma of Baarda state en hy neamt dy pleats Groot Aisma. Yn ’e tiid fan ’e namme-oannimming ûnder Napoleon yn 1811, sil er syn fan Van Aisma oan dat stee ûntliend hawwe; allyksa syn trije susters Tryntsje, Antsje en Jeltsje (sjoch III.2,, 4, 4,5). It gebeurde wol faker dat ien de namme fan syn pleats as achternamme brûkte.
Sjoch foar in wiidweidige genealogy Van Aysma: Simon Wierstra, Genealogie van het adelijk geslacht Lauta van Aysma

Op Dyksterhuzen binne fanâlds twa steeën mei de namme Aysma – mei in Grykske y:- Grut Aysma en Lyts Aysma – en ien dat troch de Van Aisma’s Groot Aisma neamd wurdt:
1 Grut Aysma – Bitgum stim 15 –, (ek neamd: Ald Grut Aysma), letter Saadsum, Dyksterhuzen 18.
De lêste Van Aysma’s op dizze State binne Albert van Aysma, † 1741, 71 jier, en syn wiif Tjets Hotzedr Aysma. Se lizze mei har soan Johan begroeven ûnder in mânske stien yn ’e Bitgumer tsjerke; yn ’t Latyn stiet dêr oer Albert ûnder oaren op:
De heechste rom en krêft fan syn skaai Aysma; in stânfêst riedsman, in ferdigener en bestjoerder fan syn lân. Syn geast wie lykwols rjochte op de stjerren fan de heechste himelen. No hat er diel oan dy himelske gloarje en ken er dizze wrâld net mear, om sa mar te sizzen ek net har eare en har ferachtlik slyk.
Johan † 1659, 54 jier, wie: capiteyn over een compagnie te voet, commandeur overt garnisoen tot Embden.
Nei Albert syn ferstjerren komt de pleats oan ’e Van Glinstra’s fan Dronryp. Yn 1858 fljocht it spul útinoar, der is dan 100 pûnsmiet lân by. Yn 1959 wurde de hals en romp ôfbrutsen; eigner fan ’e opstallen en hoarnleger binne dan Fetze Tjibbes Snieder en Dirkje Cornelis Hoekstra, slachters te Bitgummole, en fan it lân dêromhinne de erven Reimer Gerbens Brouwer. Yn ’t lêstoan húsmanje dêr trije húshâldings: dy fan Tjeerd Douwes van der Schaaf (dy’t dêrop buorket), Sibbele Lieuwes Hoogsteen en Rochus Sjoerds Halma, beide arbeider.

Op dit stee hat Durk Sybrens van der Schaaf (soan fan Hendrikje Reimers Brouwer, erfgenamt fan dit lân) syn biologysk lânboubedriuw en kwekerij (5 hektare) yn in loads mei de namme Saadsum, oant 2017; en oant 2019 Remko van der Vlugt. Yn 2020 binne eigners en brûkers Albrecht Reimers Wartena, Baukje Antje Anema en soan Jouke.

Hjirûnder in lêste foto fan Grut Aysma, ferfallen ta rottekleaster. Neist dit stee stie noch in kop-hals-romp, dêr’t de skuorre en hals fan ôfbrutsen binne, de kop wurdt bewenne. Mooglik hearde dit gewint earder by it hoarneleger fan Ald Grut Aysma, Stinzen en states in Friesland giet dêr fanút.
Foto: Harm de Vries, Ljouwert:


Grut Aysma wurdt yn 1904 ferkocht. Herre Sjoerds Bartlema-en-dy hiere oant Alde Maaie 1907 en sette in nije stjelp op Dyksterhuzen, skean foar dit stee oer. Letter buorkje dêr de ierdappelkweker Sybren Arjens van der Schaaf en Hinke Reimers Brouwer, dêrnei Doekele Arjens van der Schaaf en Ymkje Hendriks Dijkstra. Ljouwerter Krante, 30-8-1904:

Ljouwerter Krante, 16 en 19-9-1904:

2 Lyts Aysma, of Cleyn Aysma – Bitgum stim 16 –, Dyksterhuzen nr 32. Yn 1788 buorkje hjir Syds Sjoerds Koopal en Sieuwke Dirks Pierson, se hawwe dan fyftjin kij, tsien hynders en 51 pûnsmiet boulân. Yn 1850 is Metje Louws Osinga (beppesizzer fan Metje Clases Osinga, sjoch by 3 Grut Aisma) eigner en brûker, troud mei Hendriks Andeles Palsma.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal – IV1; Kertiersteat Baukje en Sytske Palsma – nrs 128 en 129; Genealogy Palsma – VI.1 –
Lettere eigners binne Fonger Ydes de Haan, syn erven achterienfolgjend Van Beijma thoe Kingma en Tuteyn Nolthenius, dy’t pleats en lân ferkeapje oan ’e hierders Reimer Rientses Wartena en Baukje Gerbens Brouwer. Yn 2020 binne brûkers Albrecht Reimers Wartena, Baukje Antje Anema en soan Jouke. Bewenner: Gerben Reimers Wartena.

Lyts Aysma omstrings 1955. Alheel links it setterhok, skean achter de skuorre it weinhûs, oan ’e sydkant de grutte stookhutte dy’t mei Delftsblau betegele wie. Foto: Lucht Foto Nederland

3 Grut Aisma – Bitgum stim 10 – , (ek neamd: Nij Grut Aisma); sûnt omstrings 1511: Palsma, nei de eigners Paulsma of Palsma; en sûnt om ende by 1660: Baerda state, as Sipke Beerns (Baarda) eigner wurdt. Yn 1728 wurdt it ‘slot’ Baerda neamd. Evert Klazes van Aisma-en-dy jouwe it stee de namme Groot Aisma.
Yn 1728 hiere Gerke Johannes en Geertje Jans de pleats – dan sa’n 87 pûnsmiet – fan ’e erven Jacobus Recalff, earder boargemaster te Ljouwert. Dy syn soan Johannes Gerkes, troud mei
Metje Clases Osinga, keapet it spul fan ’e lânhearren. Se ha yn 1749 fiif kij, acht hynders, en 52 pûnsmiet boulân.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Baukje en Sytske Palsma – nrs 518-519 en 1036-1039 en fierder
De bern Gerke Johannes en Gertje Johannes, troud mei Evert Klazes, erve hûs, hoarnleger en lân en Evert neamt him yn 1811 dêrneffens Van Aisma. It is net krekt dúdlik oft se sels it stee earder al Groot Aisma neamden.

Yn 1883 wurdt dit spul op ôfbraak ferkocht. Fan ’e âlde grêft is noch in stik te sjen . Op dit gewint steane twa mitsele homeiepeallen mei ‘Groot Aisma’ derop. By testamint fan Johannes Hartman van Aisma (VI 1.) moatte ûnder oaren de grêft en de homeiepeallen yn stân hâlden wurde.

Baerda state yn 1723, earder Palsma state, letter Groot Aisma. Tekening: Jacobus Stellingwerf, 1723; it type bou is dan in saneamde ‘slotpleats’ 

Groot Aisma wurdt 10-3-1883 op ôfbraak ferkocht. Keaper is Jan Johannes Fokkens, timmerman te Britsum; keapsom: f 1.685,00.
Foar de ôfbraak ferkeapje de Van Aisma’s al beamstammen fan dat stee.

Advertinsjes Ljouwerter Krante (LC), 1-1-1883:

By de ferkeap giet it benammen om it hout. LC 27-2 en 2, 6 en 8-3-1883:


Fokkens adverteart fan mids maart oant mids july 1883 trettjin kear om syn oankeap kwyt te reitsjen. LC 14-5-1883:

De Aisma’s ferpachtsje perseel foar perseel genierslân út Groot Aisma, en dat sil sa trochgean oant de sanearing fan genieren yn ’e santiger jierren. Dêrnei hiere de boeren, sûnt 1942 fan ’e stichting.
LC 7 en 14-9-1883:

LC 28-9- en 5 en 10-10-1883:


Wat oerbliuwt fan Groot Aisma: links in stik fan ’e grêft en de nij-mitsele homeiepeallen: 

GENERAASJE IV
IV.1  Evert Klazes van Aisma * Menaam 10-4-1767 ~ dêr 26-4-1767 † Bitgummole 4-5-1851, hûsnr B116, 84 jier, [] Bitgum rigel 13, grêf 8; âlderling, tsjerk- en earmfâd te Bitgum, gemeentlik kommittearde earmesoarch, gemeenteriedslid en assessor (=wethâlder) fan Menameradiel 1798-1848, lid ‘Zetterscollege’ oangeande direkte belestingoanslaggen; kommittearde finansjele kommisjes (sjoch hjirûnder); eigner en brûker fan Nij Grut Aisma (hûs nr B10); wennet as rintenier yn 1810 yn ’e ‘Molenbuurt’, dat is Bitgummole, yn 1820 op nr 60 (sûnt 1963 Ingelumerdyk 8, sûnt 1982 is nr 8 gearfoege mei nr 6 en sûnt nr 6);
x 1 Bitgum 20-11-1795 Gertje Johannes * op Groot Aisma 21-6-1771 ~ Bitgum 7-7-1771 † Bitgummole 12-4-1825 [] Bitgum yn it koar fan ’e tsjerke; dochter fan Johannes Gerkes en fan Metje Clases Osinga.

§ FAN WYNGAARDEN GJIN FERLET
Yn it lidmateregister fan Bitgum wurdt Gertje Johannes yn 1824 neamd mei de achternamme Wijngaarden. Se brûkt dy tanamme sels net; har famylje likemin. Ek net op har grêfstiennen yn ’e Bitgumer tsjerke, dêr’t it omskot fan lju fan kwizekwânsje yn dy tiid leit te stjonken – Geartsy harres, foarnaam genôch, ynbegrepen.
Grif hat Geartsy dêr in sin by om gjin achternamme oan te tugen – se stelt harsels yn alle gefallen yn ’e praktyk frij fan dy ferplichting dy’t yn 1811 troch Napoleon oplein wurdt. Mooglik spilet hjir de hâlding by guon eigensinnige frije geasten, sawol by ’t folk dat op in houtsje byt, as by begoedigen: dat eigennammen yn eigen eagen wol folstean, yn har autonomens ha se net mear noarich. Of noch oars: se binne net fan doel om har ûnder dit frjemd bewâld del te lizzen.
Geartsy heart dus by de lju mei modder oan ’e kloet: geseten is se net allinne sels, har sibben allyksa. H
eit Jehannes Gerkes, âlderling en tsjerkfâd te Bitgum, is eigner en brûker fan letter Nij Grut Aisma. Om 1725 hinne omfiemet dy bouboerspleats 87 pûnsmiet; yn 1749 melkt it folk dêr fiif kij, rinne dêr acht hynders yn ’e beage op 52 pûnsmiet boulân. Jehannes keapet de pleats fan ’e eigners; syn heit, Gerke Johannes, is dêr al hierder fan.

Evert Klazes x 2 Menameradiel 22-12-1830, 24 en 63 jier, Houkje Pieters Siderius * Weidum 16-10-1806 ~ dêr 2-11-1806 † Bitgummole 4-11-1878, 72 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 2; docht belidenis te Bitgum op 23-5-1833, befestige as lidmaat 2-6-1833; by earste boask tsjinstfaam by de boer dy’t har man wurde sil; boerinne op Nij Grut Aisma; by har twadde houlik sûnder berop te Bitgum; dr fan Pieter Everts Siderius, boer op syn âlderspleats oan ’e Langhústerwei ûnder St.-Anne, letter te Weidum, yn 1819 ‘brander’ (=jeneverstoker en sûkereibrander), by ferstjerren fuorman, en fan. Tjitske Broers (Tsjitske tekenet sels sûnder achternamme, yn ûnderskate akten wurdt hja mei de tanamme Dijkstra oantsjut), as widdo in skoft fuormanderske (‘voermanse’) te Bitgum, yn 1841, ’52 dêr sûnder berop

§ HOUK YN ’E ROU
Hjirûnder in portret fan Houkje Pieters Siderius, makke omstrings 1861. Houk is hjir yn ’e saneamde swiere rou
, se draacht it breed gouden earizer wol, mar dêrby perfoarst gjin juwielen fearren – in soarte fan êgrette – op ’e foarholle , noch goud of sulver oan ’e klean – it liket trouwens dat Houky har wol foarsichtich toait mei in lyts spjeldsje fan edelmetaal fuort ûnder it halsstrikwurk.
Dy swiere rou – wêrom?
Houk har dochter Klaske is ferstoarn yn 1848, har man Evert yn 1851, har mem yn 1855. Dat betsjut neffens âlderwenst yn Bitgum en omkriten dat Houky as alderneiste allinne al 6 + 6 + 6 jier sûnder opskik en kleur en fleur yn ’e klean yn ’t sljochtwei swart giet, dus ek sûnder stimmige tè grutte strikken of tè botte rûskes – en yn it donkerste, gjin pears, lit stean dat net sa tsjustere yndigoblau, dat tenei no kin net.
Binne der mear sibben fertige, dan wurdt it tiidsbestek fan rou foar Houky dêrneffens bemetten, en breed en breder beslein – en yn ’e gaten hâlden.

As dizze foto nommen wurdt, sit Houkje op ’e selde stoel en oan dito tafel as har dochter Tsjitske (sjoch hjirûnder), dus yn ’e selde fotostudio.
Kolleksje Jan van der Leij, Bitgummole; skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Van Aisma:

Houkje x 2 Menameradiel 1-7-1868, 61 en 46 jier, Hylke Symens Reisma * Minnertsgea 8-1-1822 † Bitgummole 12-4-1903, 81 jier, [] Bitgum, rigel 30, grêf 11 ; yn 1846, ’48 te Minnertsgea; timmerman en oannimmer te Bitgummole (hûsnr 78=J.H. van Aismawei 58), yn 1875, ’78, ’98 dêr arzjitekt, yn 1878-1888 lid Firma S. Reisma & Zonen fêstige te Minnertsgea (de oare firmant is syn broer Cornelis; de firma wurdt opheft op 1-10-1884), yn 1882  gemeente-arzjitekt te Bitgummole (hûsnrs 127bûten en 130); sn. fan Symen Sikkes Reisma, timmerman te Minnertsgea, en Hijke Cornelis Dekker;
Hylke x 1 Menameradiel 31-3-1852, 30 en 29 jier, Rinske Pieters Siderius * St.-Jabik 9-6-1822 † Bitgummole 4-11-1867, 45 jier; suster fan Houkje; by earste boask faam te Menaam, mar wenjend te Bitgum; by twadde houlik sûnder berop te Bitgum
Bern:
1 Hyke Hylkes Reisma  * Bitgummole 1-2-1853; x 1878 Auke Lourens van der Meij; sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal/Koopmans – VI3.7.4 (sykje mei de sykfunksje)
2 Simon Hylkes Reisma * Bitgummole 27-8-1854; x 1875 Geertje Louws Palsma; sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Palsma – VII.1.7 
3 Sikke Hylkes Reisma * Bitgummole 14-10-1862 † dêr 4-9-1874, 11 jier;
Hylke x 3 Menameradiel 21-12-1882, 60 en 40 jier, Neeltje Bruin * Koog aan de Zaan 27-8-1842 † Ljouwert 27-2-1908, 65 jier, [] Bitgum, rige 31, grêf 11; Doopsgesind; by trouwen ûnderwizeres te Amsterdam, dêrwei op har troudei ynskreaun te Bitgummole; dr fan Jan Bruin en Martha Annes Wytses, Martha wennet yn 1882 sûnder berop te Amsterdam;
Rinske x 1 Menameradiel 30-12-1841, 19 en 38 jier, Sikke Symens Reisma * Minnertsgea omstrings 1804 † Bitgummole 22-3-1846, hûsnr 67, 42 jier; broer fan Hylke; by earste boask timmerfeint te Minnertsgea, yn 1837, ’41 en by ferstjerren timmerman te Bitgummole

Hylke Simns Reisma rouadv 1903
Ljouwerter Krante, 15, 17 en 20-4-1903

Bern:
1 Pieter Sikkes Reisma * Bitgummole 25-9-1842
2 Cornelis Sikkes Reisma * Bitgummole 27-12-1844; x 1873 Trijntje Pieters de Vries; soan: Pieter Cornelis Reisma x Wytske Johannes Brolsma; soan: Cor Reisma x Maria Catharina Josephina de Graaf; bern: 1 Wytske Reisma, Peter Cornelis Reisma
Sikke x 1 Barradiel 26-4-1828, 25 en 22 jier, Dieuwke Jelles Walda * Minnertsgea omstrings 1806 † Bitgummole 18-12-1837, hûsnr 67 32 jier; dr fan Jelle Harmens Walda, yn 1828 arbeider te Minnertsgea, yn 1838 dêr koaltsjer oant syn ferstjerren yn 1854 mei 75 jier, en Antje Nannes Elgersma
Sjoch: Johannes Woudstra, Siderius – de Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum 2002 ISBN 90 9015705 0
Bern ut it earste boask:
1 Johannes Everts van Aisma, folget
V.1
Bern út it twadde houlik:
2 Minke Everts van Aisma * Bitgummole 16-10-1831 † Huzum 2-12-1867, 36 jier. [] Bitgum rige 13, grêf 1; docht 1853 belidenis te Bitgum; ferhuzet 16-5-1861 út Bitgummole nei Huzum;
x Menameradiel 16-5-1861 Dirk Klazes Lourens * Huzum 21-12-1833 † Stiens 24-8-1905, 71 jier; sûnt 1860 greidboer ûnder Huzum (hûsnr 141); ferfart dêrwei op 4-6-1877 nei Tytsjerk; komt op 5-5-1880 as arbeider út Tytsjerk yn Jelsum (hûsnrs 18a, 52b); ferhuzet dêrwei op 97-1883 nei Reduzum; fan -5-1885 oant 12-9-1894 arbeider en stâlfeint by Hendrik Jochum Seekles en Beitske Hessels Wijnstra, kastleins yn ’e Skrâns 269 te Huzum; yn 1894 sûnder berop te Marsum; Durk komt op 7-1-1899 út Reduzum yn Stiens; by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Klaas Dirks Lourens, yn 1833 kantoarfeint ûnder Huzum; yn 1836, ’42, ’61, ’69 kontroleur yn ’e ‘Stadsbank van Lening’ te Ljouwert, wenjend te Huzum, en fan Tietje Willems Lambsma;
Durk x 1 Haskerlân 26-6-1859, 25 en 21 jier, Johanna Maria Munnik * De Jouwer 21-2-1838 † Huzum 6-4-1860, hûsnr 141, 22 jier; by trouwen sûnder berop op ’e Jouwer; dr fan Johannes Hermanus David Munnik, notaris op ’e Jouwer, en Grietje Freerks Tieleman, notariske op ’e Jouwer;
Durk x 3 Ljouwerteradiel 7-4-1869, 35 en 28 jier, Tolke Willems de Vries * Gytsjerk 29-9-1840 † Huzum 21-8-1873, hûsnr 141, 32 jier; by trouwen sûnder berop te Huzum, by ferstjerren idem ûnder Huzum (yn ’e praktyk dêr greidboerinne); dr fan Willem Teunis de Vries, timmerman te Gytsjerk, en Tjitske Symens van Dijk
3 Tjitske Everts van Aisma * Bitgummole 3-3-1834 † Reduzum 31-3-1909, 66 jier, [] Reduzum, lizzende stien noardkant, skean achter it koar; grêfskrift:
RUSTPLAATS/VAN/ONZE GELIEFDE MOEDER/TJITSKE E. VAN AISMA,/WEDUWE C.J. MOLLEMA,/GEBOREN 3 MAART 1834,/OVERLEDEN 31 MAART 1909.
Tsjitske en Knillis binne sûnt 1857 bouboeren te Rie; de húshâlding komt Alde Maaie 1874 út Rie yn Bitgummole, dêr winkellju; it gesin ferfart dêrwei op Alde Maaie 1879 nei Ljouwert (Noardfliet Q27 boppe) en dêrwei te maaie 1881 nei Reduzum (hûsnrs 49, 67, 41), Tsjitske en Knillis binne dan sûnder berop; Tsjitske wennet yn 1873 sûnder berop te Reduzum;
x Menameradiel 28-10-1857, beide 23 jier, Cornelis Jarigs Mollema * Harns 17-5-1834 ~ Aldsyl, Doopsgesind, † Reduzum 18-6-1881, 47 jier; Doopsgesind; wennet foar 17-5-1857 sûnder berop te Lochem dêr’t syn âlden rinteniere; by trouwen bouboer te Rie; sûnt 1874 winkelman en keapman te Bitgummole, sûnt 1881 oant syn ferstjerren sûnder berop te Reduzum; sn fan Jarig Cornelis Mollema, keapman, sjippesieder en kargadoar te Harns, yn 1857 rintenier te Lochum, en fan Foekje Sybrands Spannenburg
Cornelis ferkeapet op 22-3-1871 ûnreplik guod te Rie; opbringst: f 3.587,00; notaris Egbertus Petrus Brunger, Froubuorren; Repertoire: 134040; Notarieel Argyf; Minút-akten 1871, argyfnr 26, ynvintarisnr 134035, aktenr 00018;
Cornelis keapet op 7-2-1874 fan Anske Hettes Hettema te Bitgummole, in hûs, pakhûs ensfh. te Bitgummole; keapsom: f 4.111,00; notaris Horatius Albarda, Ljouwert; Repertoire: 078144; Minút-akten 1874; argyfnr 26, ynvintarisnr 078107, aktenr 00024;
Cornelis ferkeapet op 6-12-1877 yn ’e mande mei Hylke Symens Reisma (syn styf-skoanheit) oan Gerlof Pieters Koopmans, in hûs en hiem te Bitgum; keapsom: f 3.721,00; n
otaris Johannes Scrinerius Potter van Loon, Dronryp; Repertoire: 037098; Minút-akten 1877, argyfnr 26, ynvintarisnr 037064, aktenr 02307
4 Klaaske Everts van Aisma * Bitgummole 18-9-1837 † Bitgummole 20-1-1848, hûsnr B116, 10 jier, [] Bitgum
5 Trijntje Everts van Aisma * Bitgummole 3-2-1843 † Berltsum 5-2-1927, 84 jier, [] Bitgum rige 13, grêf 3; earst Nederlâns Herfoarmd, letter Doopsgesind; by trouwen sûnder berop te Bitgummole; om 1925 hinne sûnder berop te Deinum (hûsnr 7);
x Menameradiel 26-11-1863, 20 en 22 jier, Thomas Rinks Groenveld * Drylts 22-3-1841 † Marsum 29-12-1909, 68 jier; Doopsgesind; komt op 15-3-1863 út Nijehaske yn te wenjen by Sikke Eeltjes Schiphof en Kornelia Fokkes Kuperus, tapers te Berltsum; mêst-, blok- en pompmakker te Berltsum (hûsnr 173); wennet sûnt Alde Maaie 1863 op himsels yn syn timmerwinkel dêr (nr 171a); krekt foar syn trouwen wennet Thomas te Baaium; sûnt it houlik wennet de húshâlding te Berltsum (hûsnrs 173, 17, 401, 169, 460 bûten, 209=Tichelersdyk 22); de húshâlding ferfart Alde Maaie 1904 nei Huzum (hûsnr E90), Thomas is dan sûnder berop; komt op 27-3-1908 út Huzum yn Marsum, Thomas is dan sûnder berop; sn fan Rink Pieters Groenveld, learloaier en skuonmakker te Drylts, yn 1863 sûnder berop te Baaium, en fan Rigtje Thomas Faber

Minke Everts van Aisma, omstrings 1865.
Kolleksje Jan van der Leij, Bitgummole; skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Van Aisma:

Dirk Klazes Lourens, man fan Minke van Aisma. Dizze foto is in pendant fan Minke harres hjirboppe.
Kolleksje Jan van der Leij, Bitgummole; skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Van Aisma:

De stjelp ûnder Huzum dêr’t Minke van Aisma en Durk Klazes Lourens fan 1860 oant juny 1877 greidboer op binne.
Kolleksje Jan van der Leij, Bitgummole; skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Van Aisma:

Tjitske Everts van Aisma, omstrings 1861. As dizze foto nommen wurdt, sit Tsjitske op ’e selde stoel en oan dito tafel as har mem Houkje Siderius (sjoch hjirboppe), dus yn ’e selde fotostudio.
Kolleksje Jan van der Leij, Bitgummole; skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Van Aisma:

Trijntje Everts van Aisma.
Kolleksje Jan van der Leij, Bitgummole; skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Van Aisma:


§ EVERT KLAZES: FINANSJEEL EKSPERT YN KRISISTIID
Evert Klazes is al ier te set mei it oplossen fan finansjele perikels. Troch syn fermogen komt er yn syn tiid as fansels yn ’e beneaming foar maatskiplike funksjes op dat gebiet, mar wa wit – uteraard obligaat – hat er as persoanelike mins  en funksjonearende earmfâd ek each foar minder bedeelden yn ferbân mei it mooglik arbeidersbestean fan syn pake Evert Klazes en syn eigenste meiminsken om him hinne. 

Hy is lid fan ’e Kommisje dy’t Lodewyk Napoleon – de broer fan ’e keizer – omstrings 1808 ynstelt om te besjen hoe’t by it folk jild genereart wurde kin om de steatskas by te fullen, der is altyd ferlet fan sinten en soldaten. Menameradiel moat f 11.317,00 opbringe. It jild sil binnenhelle wurde troch in kwotisaasjesysteem, in oanslach, c.q. omslach neffens ynkommen.
Taco Kingma skriuwt dêroer yn Bitgum – De skiednis fan Bitgum en Bitgummole, side 118:
Der wie yn dy tiid altyd in striid tusken foar- en tsjinstanners fan sa’n omslach. De tsjinstanners, de lju mei in goed ynkommen, en dat wienen meastal de bestjoerders, moasten der fansels neat fan ha en hiene folle leaver yndirekte belestingen op besit en konsumpsje-artikels. Mar diz‘kear soe it in omslach wurde. Der waard in kommisje beneamd, dy’t útfigelearje moast hoe as soks koe, en dêr siet ek de Bitgumer Evert Klazes (van Aisma) yn.
Op tongersdei 18 augustus waarden de haden fan húshâldings út Bitgum oproppen om yn de tsjerke te ferskinen. Om acht oere de earste tweintich, om njoggen oere wer tweintich en sa gong dat troch oant tolve oere ta, doe kamen de lêsten, meiinoar in 90 à 100 man. Dy moasten allegear har ynkommen opjaan./…/
It wie in hiel karwei foar de kommisje om elkenien yn de goede klasse te prakkesearen, want fierwei de measten koene har ynkommen net sa krekt opjaan en dan moast der rûsd wurde. En al wist men yn it doarp hiel wat fan mekoar, dochs sieten de kommisjeleden faak mei de hannen yn it hier. Of yn offisjele taal: ‘zij hebben zich zeer geëmbaraseerd (ferlegen) gevonden om de vertering van hun mede-ingezetenen te calculeren (berekkenjen) en dan naar die vertering te quoteren (om te slaan)’. Mar blykber binne se der út kommen en kaam it jild binnen.
 

Geldeloze toestand
Yn 1810 wurdt Evert Klazes wer behelle yn in finansjele kwestje. De gemeente Menameradiel hat each foar de ‘uitgeputte en geldeloze toestand der armekas te Beetgum’. Evert Klazes wurdt frege om de saak mei te besjen en op te lossen.
Bitgum, side 122:

Yn 1810 waarden fjouwer kommittearden yn Bitgum beneamd: Louw Arjens Osinga, Evert Klazes van Aisma, Dirk Martens Koopmans en Jan Wybes Bottinga. Dy moasten in plan meitsje, dat de doarpsearmekas tenei oer genôch middels beskikke koe om de ‘behoeftigen het nodige te verschaffen’. Sjoen de hege need /…/ waard de kommisje machtige troch de baljuw en it gemeentebestjoer om ‘provisioneel (foarearst) eenige penningen aan de armvoogden voor te schieten’. De kommisje rieplachte de Bitgumers en rôp alle floreenplichtigen en haden fan húshâldings byinoar ‘teneinde middelen te beramen om de Armestaatskasse te vullen’.
Wat der by einbeslút út kommen is, stie net yn de notulen. Wol waard it oprjochtsjen fan in fûns neamd, dêr’t de earmen tenei út ûnderhâlden wurde koenen, mar nei ’t skynt is dêr neat fan op ’e hispel kommen.

Zwaar gebroken
Evert Klazes is lange jierren tsjerkfâd en earmfâd; yn 1814 is er dat mei Dirk Martens Koopmans, eigenerfd bouboer op Buma state en op Zomerzorg op Dyksterhuzen (sjoch Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal/Koopmans) – V5 –
Bitgum, side 124:
Meiïnoar hiene de earmfâden doe 8 manlju, 13 froulju en 25 bern op har noed, sawat allegear slimme gefallen. Se hiene der f 1.500, jiers foar nedich, mar hellen dat lang net./…/
De útjeften wiene: turf, brânje foar de earmen, in deafet (lykkiste), nije skuon, 2 sekfol beane, wykjild (kostjild, hier), klean ensfh.
Ut 1814 is in list fan persoanen bewarre bleaun dy’t de eamfâdij ûnderhâlde moast; it is in list fol ellinde:
‘Een vrouw 31 jr., blind.
Een manspersoon 62 jaar, zwaar gebroken, met 3 kinderen van 2-12 jr.
Weduwvrouw 40 jaar, met 4 kinderen van 4-12 jaar.
Man 32 jaar, gantsch doof.
Vrouw 39 jaar met 4 kinderen van 3-12 jr.
Manspersoon 52 jaar zeer gebrekking en ziin vrouw 54 jaar, geheellijk doof met 3 kinderen van 6-14 jaar.
Vrouw 75 jaar, volslagen blind.
Vrouw 60 jaar, geheellijk doof.
Vrouw 70 jaar, blind en doof.
Eene afgeleefde vrouw van 79 jaar oud.
Een dito manspersoon, 91 jaar.
Drie ouderloze kinderen van 4-13 jaar.
Omzwervende man, steeds ziekelijk, 28 jaar.
Een innocente (letterlik: ûnnoazele, bedoeld sil wêze swaksinnige) vrouw 37 jaar oud, met deszelfs manlijk kind van 4 jaar.
Huisgezin, man 81 jaar, vrouw 79 jaar en eene innocente dochter, 30 jaar oud.
Een te vroeg verwelkt manspersoon, 38 jaren oud.
Een dito, oud 37 jaar.
Een man oud 35 jaar, dezelve heeft 7 kinderen en allen gebrekkelijk, deze kinderen zijn van 6 weken tot 10 jaren oud.
Een vrouw van 57 jaren, doch mank gaande.’
De list is skreaun troch skoalmaster Heerke Willems Dijkstra.

In eksimpel fan help oan in ûnderhoarige. Ljouwerter Krante, 7-11-1845:

Earmhûs
Yn 1826 wurdt Evert Klazes mei Hendrik Andeles Palsma troch de gritenij as kommittearde oansteld om te besjen hoe’t yn Bitgum in earmhûs opset wurde kin. Hindrik, bouboer op Lyts Aysma op Dyksterhuzen, is Evert syn buorman en oantroude neef. De rykbedeelden meie it mienskipsjild bepale en útjaan oan har dy’t de ekonomyske mienskip – it lân – troch har bodzjen drage; sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Palsma – VI.1 –
Bitgum, side 135:
Nettsjinsteande alle jildkrapte en soargen besochten de earmfâden wat te dwaan. Se fûnen ek dat de earmen dy’t wurkje koenen, oan it wurk moasten. It soe hiel net ferkeard wêze sokken dan ek wat by te bringen fan oarder en tucht. En hoefolle stumperts wiene der net by dy’t harsels net rêde koene? Koartsein, der moast, fûnen se in earmhûs komme.
De earmfâden praten der oer mei it gritenijbestjoer en de grytman rôp op 25 maaie 1826 de haden fan húshâldings yn ’e Bitgumer tsjerke byinoar, om har te rieplachtsjen oer dit foarstel. /…/
Neist de grytman en de gritenijsekretaris dage trettjin manlju op. Dy binne it mei it foarstel iens, se slaan spikers mei koppen, op 15 juny wurdt it hûs nûmer 6 yn ’e Buorren oankocht; dat is in gaadlik stee mei syn seis keamers en grûn deromhinne: it nije Earmhûs.

Evert Klazes van Aisma earmfâd
Ljouwerter Krante 21-4-1843

Setters-kolleezje
Evert Klazes is allyksa lid fan it saneamde Zetterscollege. Yn ’e 19e iu hat ‘elk district van omvang’ – ek elke kadastrale gemeente – net allinne in ûntfanger fan ’e belestingen, mar allyksa in kommisje fan fjouwer tige betroubere persoanen, dy’t de beswierskriften tsjin belestingoanslaggen behannelje en fêststelle wat ien by einbeslút betelje moat: it Setters-kolleezje. Evert Klazes hat dêr om 1835 hinne in sit yn mei de grytman Georg Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg op Groot Terhorne te Bitgum, Syds Sjoerds Koopal, eigenerfd bouboer op Buma state op Dyksterhuzen (sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal – VI1 -) en Yme Sybes Sevenster, bouboer op Lauta state ûnder Wier.

Bitgum, side 212

§ SE SILLE IT WITTE
Houkje Siderius lit fjouwer kear de rouadvertinsjes foar har man pleatse. Meardere oankundigingen is wol wenst by lju dy’t it betelje kinne en fan betinken binne dat de ferstoarne wichtich genôch is; fjouwerisom leit heel wat gewicht yn ’e skaal.
Ljouwerter Krante, 6, 9, 13 en 16-5-1851:


Houkje krijt sels, neffens de regel fan har stân, twa advertinsjes. Ljouwerter Krante, 8 en 15-11-1878:


§ FERMOGEN OP FERMOGEN
De twadde bekende yn ’e stamrige fan ’e Van Aisma’s Evert Klazes (II.1) is mooglik arbeider (of ambachtsman of sa), want fan him is het fûn dat er lân brûkt. De tredde, Klaas Everts (III.1), is wierskynlik gernier; syn frou Minke Johannes is by har ferstjerren rintenierske en dat betsjut dat se fan ’e rinten libje kin. De tredde, Evert Klazes (IV.1), is bouboer; syn frou Gertje Johannes (útspraak yn ’t Frysk: Gjet), is in begoedige boeredochter fan sawol fan har memmes as heites kant, dy buorkje op Groot Aisma (Nij Grut Aisma) .
Har mem, Metje Clases Osinga, stamt út in eigenerfd boeregeslacht yn Menaam en omkriten. Eigenerfd, wol sizze de dat pleats yn eigen besit is.
Gjet en Evert erve it stee en lân Grut Aysma op Dyksterhuzen. Se binne dêrby erfgenamt fan Gjet har ongetroude broer Gerke Johannes.
As Evert ferstjert erft syn twadde frou Houkje Siderius in fyfde part fan syn erfskip.
By de soan fan Evert út syn earste houlik, Johannes Everts (IV.1) syn frou, Ytje Hartmans, sit allyksa modder oan ’e kloet.
Itselde jildt foar de trije froulju fan soan Hartman van Aisma: Jannigje Wassenaar har heit is tige begoedige.
W.Tsj. Vleer skriuwt yn
De Friese Wassenaars, side 298: Klaas Boyens Wassenaar moest in 1812 trouwen met de arme veermansdochter Trijntje Spekman. Ongetwijfeld is er heel wat nodig geweest om het standsverschil te overbruggen, want Klaas Boyens was de op één na rijkste boer van Nederland /…/ In 1841 bij zijn overlijden bezat hij ongeveer 1000 pondematen land ter waarde van f 300.000! Toch was het een gelukkig huwelijk tussen Klaas en Trijntje en beide waren zeer gezien bij de arme lieden. Trijntje stond altijd klaar arme menseen te helpen, want zij kon nimmer haar eigen jeugd vergeten. Na het overlijden van haar man kwam Trijntje in het dorp St. Jacobiparochie te wonen, waar zij de bijnaam had van ‘de goede boerinne’. 
Antsje van der Meer erft benammen fia har mem Trijntje Klazes Miedema, earder troud mei Eelse Symens Sinnema, bouboeren te Wyns. Hermina Busscher krijt in part fan heites doktersjild.

Johannes Everts syn dochter Gertje van Aisma (IV1.4) har man Pieter Fabrij de Jonge, wurket himsels fan wurkboade by in Ljouwerter manufaturier op as in soarte fan Bank fan Liening foar partikulieren en bedijt dêrmei flink wat. Hjirûnder in stikmannich foarbylden fan syn lieningen.
-13-12-1878: in obligaasje oan Berend Salvus Klaver te Berltsum (neef fan syn skoanheit, sjoch: II.1.5)
-8-4-1887: f 5.000,00 in liening oan Jan Hibma, man fan Baukje Martens Tiedema te Menaam
-30-4-1887: f 3.000,00 oan Simon Andries Nieuwland te Marsum
-6-5-1887: f 3.000,00 oan Jentje Wybes Terpstra te Marsum
-27-1-1888: f 4.000,00 oan Sjoerd Tjeerds Veenstra te Marsum
-21-7-1890: f 3.500,00 oan Pieter Jans Baarda te Menaam.

Trochdat der hyltyd ien soan is en de susters jong ferstjerre en boppedat Geertje en Pieter gjin bern hawwe, komme de erfskippen by de twa ongetroude neikommelingen Johannes Hartman en syn healbroer Hartman; as Hartman mei 23 jier ferstjert komt dy syn erfenis allyksa oan Johannes Hartman en dêroerhinne dat fan syn muoike Geertje en har man, dy’t ek syn pleechâlden binne.
Johannes Hartman, úteinlik iennichst erfgenamt, bringt dat famyljebesit gear yn in stichting, dy’t er nei himsels neamt: de J.H. van Aisma Stichting. Partikulieren, ferienings en stichtingen dy’t warber binne op sportgebiet en har ynsette foar kultuer kinne fan ’e revenuen profiteare.

§ BOER, BOARGEMASTER EN ‘MYNHEAR’
Mei it oanwaaksend besit, werpe har ek op de byhearrende onbesoldigde en besoldigde funksjes yn Tsjerke, Steat en Maatskippij.
Evert Klazes (III.1) is ûnder oaren âlderling, tsjerk- en earmfâd fan Bitgum, gemeentlik kommittearde earmesoarch; lid fan it  ‘Zetterscollege’ oangeande direkte belestingoanslaggen, gemeenteriedslid en fyftich jier – fan 1798 oant 1848 – assessor/wethâlder fan Menameradiel, as sadanich is er withoefaak amtner fan ’e Boargerlike Stân.
Syn soan Jehannes (IV.1) hat dy earste ferantwurdlikheden allyksa en pakesizzer Hartman is lid fan ’e Provinsjale Steaten en boargemaster fan It Bilt, mei alle besonjes derop en deroan.

§ FAN ARBEIDERSFOLK
NEI MYTYS FOARNAAM KOMÔF
Is de earste foarâlder yn ’e stamrige fan ’e Van Aisma’s arbeider, de lêste manlike leat fan dit skaai lit him ‘mynhear Van Aisma’ neame en yn syn rou-advertinsje is it: ‘de Hoogwelgeb. Heer’. Troch de generaasjes hinne groeit mei it besit, it tal maatskiplik-bestjoerlike funksjes en de status. Dat lêste yn ’e eagen fan ’e Van Aisma’s sels en yn dy fan ’e goegemeente. It iene kin net sûnder it oare.
Dy status rint út op in hâlden en dragen fan ’e lêste Van Aisma as lânealman. It slachte Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg is begjin 20e iu út Bitgum ferdwûn, dat der is plak foar opfulling. En dat slagget as je jesels as sadanich beskôgje en dêrneffens finansjeel dy steat fiere kinne. Net dat Johannes Hartman lykas syn direkte foarâlden maatskiplike funksjes beklaait, syn fertsjinste is dat er fan har jild en lân urven hat en dat ferhiert. Om Johannes Hartman hinget in waas fan geheimenissen oangeande de ôfstamming fan ’e Van Aisma’s. It ferûnderstelde foarname komôf is in mytys gegeven, mar fertaalt him sekuer yn ’e libbenspraktyk fan troch ’en dei. As de goegemeente Mynhear Van Aisma tsjinkomt, wurdt lichtelik bûgd of justjes tsjin de pet oantikke. It is op ’t lêst ek sa dat de gernier wol wer fan dizze lânhearre hiere wol en dan is in tikje oan ’e pet net tefolle frege.
As Johannes Hartman syn achterneef Gerben Reimers Brouwer by him sit te redendielen en begjint oer har mienskiplike Van Aismafamyljebannen, praat Johannes Hartman der it leafst omhinne of yn riedsels, dat ta fermeits fan syn achtermiich. Mei dy skimerigens falt en stiet ommers de skyn fan it foarnaam, sa net adelik ferline.
Gerben syn oerbeppe is in Van Aisma (sjoch hjirboppe) en syn pake is as wees oant syn trouwen by de Van Aisma’s opbrocht, dat dolt djip, dat dy famyljebân is hecht en bliuwt; sa wurde ek foto’s útwiksele, yn it famylje-argyf fan ’e Gosliga’s binne portretten fan Gertje Fabrij de Jonge-van Aisma, fan har man en de jonges Johannes Hartman en Hartman.
Mar dy famyljebannen bekuolje troch it ponearde stânsferskil. En it Gosliga-folk is net genegen om te bûgen foar it minskdom, lit stean foar har miich Johannes Hartman. Ferwidering komt ek fanwegen it feit dat de Gosliga’s meigean yn ’e Doleânsje en dêrmei Grifformeard wurde. Johannes Hartman stiet derom bekend dat er it net op hat mei in tsjerke hoe dan ek, lit stean mei in otterdokse. It ferskil tusken grou en fyn slacht ek yn Bitgummole in djippe kleau tusken sibben.
Lykwols, Geartsje Fabry de Jonge-van Aisma nimt har achterneef Jabik Gosliga wol op yn har testamint, 16-2-1900; it lân dat er fan har hiert, kin er by syn hele leven brûke:

Ik wensch dat Oepke Barteles Smits en Jacob Kla/zes Gosliga respectievelijk de bij mijn overlijden door/ hen in huur bezeten landerijen aan mij in eigendom / toebehoorende, gedurende hun leven of gedurende / zeker tijdvak ter hunner keuze, doch in ieder geval bij / hunnen dood eindigende, in huur zullen behouden / voor een billijken huurprijs, zoo noodig te bepalen / door twee deskundigen, van iedere zijde één te benoemen.
Nei Oepke Smits is lang de grêft neamd op Dyksterhuzen op it stee fan Nij Grut Aisma: Oeps Grêft. Neffens de Boargerlike Stân is it: Oepke Bartelds Smits * Froubuorren 6-2-1841 Bitgummole 19-11-1919, by trouwen arbeider, letter gernier te Bitgummole; x Menameradiel 19-12-1872 Reindertje Gerbens van Althuis.

GENERAASJE V
V.1 Johannes Everts van Aisma * Dyksterhuzen op Nieuw Groot Aisma (B154), hûsnr 87/100 1804 † dêr 24-12-1852, hûs nr B87, 48 jier, [] Bitgum rige 13, grêf 5; by trouwen sûnder berop te Bitgum; boer op Groot Aisma (yn 1850 160 pûnsmiet, dizze pleats stie doe fan ’e Bitgumer pleatsen it heechst oanslein wat lân oangiet); (administrearend) tsjerkfâd te Bitgum, gemeenteriedslid fan 1851 oant syn ferstjerren;
x Menameradiel 9-7-1828, 23 en 18 jier, Ytje Hartmans Hartmans * De Nije Hocht ûnder Nes (B49 yn 2020 Maatskip R. de Graaf, Wierumerwei 3), West Dongeradiel, 9-12-1809 † Dyksterhuzen op Groot Aisma 10-8-1857, 47 jier, [] Bitgum r. 13 gr. 5; by trouwen sûnder berop te Nes; boerinne op Groot Aisma op Dyksterhuzen; dr fan Hartman Dirks Hartmans, boer op Ytsma en op De Hocht ûnder Nes, frederjochter, dykgraaf, en fan Maaike Melis Wynia
Ytsje keapet op 29-3-1855 fan Auke Minnes Feitsma te Dronryp in hûs mei tún en hiem te Bitgum; keapsom: f 2.000,00; Notarieel Argyf; notaris Tjeerd Alma, Menaam; Repertoire: 103031; Minút-akten 1855, argyfnr 26, ynvintarisnr 103018, aktenr 00042

Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Johannes en Ytje (de namme wurde útsprutsen as: Jehannes en Ytsy – yn ’e akte stiet Ytsy ek te boek as Ittie).
De tsjûgen binne: Johannes Louws Osinga, gernier te Menaam, neef fan Jehannes, en Hartman Melis Wynia, winkelman te Nes, omke fan Ytsy.
De ûndertekeners hawwe allegearre in feardige hân fan skriuwen

Ytsy Hartmans neamt har man yn ’e rou-advertinsje ‘de Heer’, dat is yn dy tiid net gebrûklik yn ’e wolstelde boerestân fan ’e Klaaiboustreek; it tsjut op wat ‘mear’ as boer: Heareboer. Ljouwerter Krante, 31-12-1852:

Ljouwerter Krante, 21-8-1857:

Bern:
1 Evert Johannes van Aisma (twillingbruorke fan Gertje) * Dyksterhuzen op Groot Aisma (Nij Grut Aisma) 24-10-1829 † dêr 13-10-1831, 1 jier, hûs nr B87, letter fernûmere nei 100, [] Bitgum rige 13, grêf 6
2 Gertje Johannes van Aisma (twillingsuske fan Evert; ek: Geertje, bygelyks yn har stjerakte) * Dyksterhuzen op Groot Aisma 24-10-1829 † dêr 4-6-1830, hûsnr 87, 7 moanne, [] Bitgum rige 13, grêf 6
3 Hartman Johannes van Aisma, folget VI.1
4 Gertje van Aisma (ek: Geertje) * Dyksterhuzen op Groot Aisma 18-11-1847 † Bitgummole, Nieuw Aisma 21-4-1924, J.H. van Aismawei 93, 78 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 4; wurdt mei har man Grifformeard, letter wer frijsinnich Nederlâns Herfoarmd; ferfart op 17-7-1871 út Bitgum nei Ljouwert (adressen: yn 1871 Heerenwaltje; 1877 Foarstreek I 338; 1880 Foarstreek M 235, Willemskade F17, W17); sy en har man hawwe dêr in saak yn manufaktueren; keapet yn 1897 it hûs nr B86 (letter B178), no J.H. van Aismawei 93; dat krijt de namme ‘Nieuw Aisma’;

x Menameradiel 16-7-1871 Pieter Fabrij de Jonge * Goes 28-4-1842 † Ljouwert 22-2-1896, 53 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 4; Kristlik Grifformeard (Ofskieden), letter Nederlâns Herfoarmd; komt 9-5-1859 út Goes yn Ljouwert, is dêr (oant mooglik 1866) wurkboade by Antoon van Assen en Maria Elisabeth Schreuder, keaplju yn manufaktueren te Ljouwert; letter selsstannich hannelsman/keapman te Ljouwert; manufakturier; dêr firmant Fa Pull & De Jonge (de oare firmant is Cornelis Marius Henricus Pull (* Amersfoort 1827 † Ljouwert 1894), keapman te Ljouwert, x Jantje Martinus Wolthers), letter dêr rintenier; offisier by de skutterij, liberaal gemeenteriedslid fan Ljouwert (ûnder oaren lid kommisje iepenbiere wurken, kommisje fan tafersjoch op it leger ûnderwiis), bestjoerslid liberale kiesferiening Ljouwert, idem stedsbank fan liening, kolleezje fan setters direkte belestings, kommisje beoardielingsheffing ynfierrjochten, idem ‘Nijverheid’, ‘Spaarkas’, ‘Hulpbank’, ‘Departements Volksbibliotheek’, ‘Vereeniging voor Volksbijeenkomsten’, feriening ‘De Harmonie’, ‘Moed, Beleid en Trouw’, diaken en notabel Herf. Gem. Ljouwert, ensfh.; sn fan Pieter Fab(e)rij de Jonge, manufakturier en goud- en sulversmid te Goes, en fan Cornelia den Boer
Geartsje ferkeapet op 9-9-1876 oan Dirk Dirks Hartmans te Hantum, Imes Sevenster te Nes, Pieter Gerrits Dijkstra te Nes, Anne Hartmans Wynia te Ternaard en Jan Hagel te Wierum in sate en lân ûnder Nes, West Dongeradiel; keapsom: 55.703,00; notaris Sikke Dirks Kuijpers, Ternaard; Notarieel Argyf; Repertoire: 129069; Minút-akten 1876, argyfnr 26, ynvintarisnr 129062, aktenr 00085
Geartsje ferkeapet op 9-12-1905 oan Gosse Cornelis Bijlenga te Ljouwert, in winkelhûs te Ljouwert; keapsom: f 25.000,00; n
otaris Allert Ottema, Ljouwert; Notarieel Argyf; Repertoire: 080061; Minút-akten 1905, argysnr 26, ynvintarisnr 080060, aktenr 06939
5 Maaike van Aisma * Dyksterhuzen op Groot Aisma (=Nij Grut Aisma) 15-7-1849 † Bitgummole (hûs nr 100) 5-6-1872, 23 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 5

Gertje van Aisma en Pieter Fabrij de Jonge. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Gosliga. Fotograaf: C.B. Broersma, Ljouwert

Te Ljouwert is Geertje blykber ‘Mejuffrouw’, yn Bitgummole is it letter ‘Mefrou’.
Ljouwerter Krante, 8, 9 en 10-1-1883:

Ljouwerter Krante, 24, 25 en 26-2-1896:

Ljouwerter Krante, 24-2-1896:

Ljouwerter Krante, 26 en 27-2-1896:

Ljouwerter Krante, 27-2-1896:

Ljouwerter Krante, 22 en 24-4-1924:

§ KLASSISISTYSKE HUZEN
It  klassisistys hûs yn Bitgummole dat Gertje van Aisma yn 1897 keapet en sûnt 29-6-1899 troch har bewenne wurdt. Se jout it de namme ‘Nieuw Aisma’, it wurdt gewoanwei ‘’t Aismahûs’ neamd; sûnt 1963: J.H. van Aismawei 93, Bitgummole; eardere nûmering: 1871: Bitgum nr 178; 1890: nr 190; 1909: nr 170; 1920: nr 316.
Yn jannewaris 1882 wennet hjir in Ferwerda; sûnt april 1882 rinteniere hjir Bouwe Nannes Kalma en syn twadde frou Ymkje Petrus Kalma, earder boeren te Jellum en Jorwert, Bouwe Nannes ferstjert dêr op 22-3-1895 en syn frou ferfart dêrwei yn 1896 nei Huzum; fan Alde Maaie 1896 oant Alde Maaie 1898 wennet hjir Johannes Veninga, ûnderwizer; fan Alde Maaie 1898 oant 4-1-1899 Klaaske Douwes Swart dy’t dan nei Grins giet.

Hjirûnder it hûs dêr’t Hermina Busscher sûnt 1871 wennet, as se as widdo út St.-Anne komt – J.H. van Aismawei 73; nei 1924 rinteniere hjir Reimer Gerbens Brouwer en Trijntje Jacobs Gosliga, it stee wurdt dan wol ‘It Rinteniershûs’ neamd.
As Nynke Brouwer-Gosliga op besite giet by har achternicht Geartsje – ‘Mefrou de Jonge’ – stevenet se der wol ekstra yn ’e pronk hinne. De dames wenje fuort byinoar, beide yn har deftich klassisistysk hearehûs. Nynke hat twa keamers mear as Geartsje trouwens, want har hûs is gâns djipper, dat dan wol wer. Sjoch de foto’s fan Nieuw Aisma hjirûnder en it hûs fan Nynke Brouwer-Gosliga.
Sjoch: Genealogy Gosliga – IV.1.2. en Brouwers pleatsen
 


Hjirûnder in foto fan it wenhûs fan Houkje Pieters Siderius, widdo Evert Klazes van Aisma (III.1), en har twadde man Hylke Symens Reisma, timmerman en arzitekt. Earder Bitgum nr 78, (yn 1880 omnûmere yn 118, yn 1909 yn nr 130, yn 1939 yn nr 259), sûnt 1-1-1963: J.H. van Aismawei 58.
Hylke hat dit sels ûntwurpen. It is in lytsere útfiering fan it mânske Molenhorne (sjoch hjirûnder) dat er allyksa tekenet foar de famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlandberg stie op it plak dêr’t earder de mole wie.
De foto is nommen in `t late foorjaar fan 2020, ôfens betiid, at ’e son d’rop skynt, deur Doeke de Jong.
Bewenners binne de húshâldings fan (mei tank oan Doeke de Jong en Jan van der Leij):
1861-1908 Hylke Simons Reisma en Houkje Pieters Siderius
1908-1913 Pieter Dirks van der Schaaf en Grietje Nannes Terpstra
1913-1932 Klaas Dirks Noordenbos en Brechtje Foppes Dijkstra
1932 1938 Dirk Klazes Noordenbos en Baukje Jacobs de Vries
1938-1945 Rients Joukes Wartena en Brechtje Reimers Brouwer
1945 1975 Klaas Pieters Hoogland en Hyke Paulus Strikwerda
1975-1979 Eildert Kuiken
1979-1992 Johan Weidema en Trijntje Bos
sûnt 1992 Doeke de Jong, foarsitter fan ’e J.H. van Aismastichting, en Aaf Glazema.

Links neist de foardoar (at je der mei it gesicht nei ta stean) sit in bakstien mei dêryn ritst: S.H.R en it jiertal 1873, dat sille grif de inisjalen wêze fan ’e âldste soan fan ’e bouwer: Symen Hylkes Reisma (* 1853), of oars fan syn soan Sikke (* 1862). Foto: 3-11-2020. Fotograaf: Doeke de Jong:

Hjirûnder Molenhorne dat arzjitekt Hylke Simens Reisma ûntwerpt foar de Schwartzenbergs. De foto is nommen omstrings 1916 en útjûn as brievekaart troch J. Jensma. Fotograaf: J. Dwinger, Ljouwert:

GENERAASJE VI
VI.1
Hartman Johannes van Aisma * Dyksterhuzen op Groot Aisma (=Nij Grut Aisma) 16-3-1831 † Bitgummole 28-8-1871, Nieuw Aisma, Van Aismawei 93, 40 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 8; sûnt -1-1853 boer ûnder St.-Jabik op de saneamde Blauwe Plaats, ’e Kouweweg 40 (hoeke Kouweweg-Aldebiltdyk-oast); ferfart te maaie 1865 dêrwei nei St.-Anne (nr 80, letter Van Harenstraat 20.
Hartman is gemeenteriedslid fan It Bildt fan 2-6-1855 oant 7-9-1869 (bedankt); steatelid fan -1-1867 oant syn ferstjerren; boargemaster fan It Bildt fan 30-6-1864 oant syn ferstjerren; sûnt de oprjochting op 25-4-1853 foarsitter fan ‘De Watermolenpolder’ op it Ald Bilt; op syn foarstap wurdt 2-10-1869 oprjochte de ‘Kerkelijke Liberale Kiesvereniging Eensgezindheid’; sûnt 9-6-1870 foarsitter fan ’e dan oprjochte Vereniging tot Wering van Schoolverzuim, te St.-Anne; sûnt 28-12-1867 tsjerkfâd te St.-Anne; oprjochter fan it sjongselskip ‘Van Aisma’ te St.-Anne; etc.

x 1e Menameradiel-9-1852, 21 en 23 jier, Jannigje Klazes Wassenaar * St.-Jabik 13-6-1829 † St.-Anne 20-3-1863, 33 jier; by trouwen sûnder berop te St.-Jabik; eigner fan de Blauwe Plaats; dr fan Klaas Boyens Wassenaar, bouboer oan ’e Aldebiltdyk (hoeke Kouweweg) ûnder St.-Jabik; tsjerkfâd te St.-Jabik; lid Munisipale Rie, letter gemeenteriedslid It Bilt, wethâlder, folmacht foar St.-Jabik, en fan Trijntje Hendriks Spekman, bouboerinne te St.-Jabik;
x 2 Tytsjerksteradiel 9-3-1865, 33 en 31 jier, Antje Douwes van der Meer * Wyns 11-1-1834 † St.-Anne 5-12-1866, 32 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 7; by trouwen sûnder berop te Aldtsjerk; dr fan Douwe Klazes van der Meer en Trijntje Klazes Miedema, yn 1834, ’42 boeren te Wyns, yn 1865, ’74 idem te Aldtsjerk; Douwe is taksateur fan ûnreplik guod; sûnt 1876 rinteniert er mei syn twadde frou Hinke Jans Veenstra te Gytsjerk;
x 3 Menameradiel 8-9-1869, op houlikse betingsten, 38 en 23 jier, Hermina Busscher * Bitgummole 16-10-1845, hûsnr âld B81, letter B183, J.H. van Aismawei 69/71, † Bitgummole 29-11 1881, Nieuw Aisma, letter Van Aismawei 69/71, 36 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 7; Hermina is ynwenjend bernefaam oer de wees Johannes Hartman by har lettere man; ferhuzet op 7-10-1869 mei har soantsje Hartman út Bitgummole nei St.-Anne; komt 31-8-1871 mei har styfsoan Johannes Hartman en soan Hartman út St.-Anne yn Bitgummole, se wenje dan yn letter Van Aismawei 73; dr fan Remmo Busscher, dokter te Bitgummole (letter Van Aismawei 69/71), en fan Klazina Johanna Braak;
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Busscher
Hartman van Aisma is fâd oer syn omkesizzers Ouwe (* St.-Anne 7-3-1848) en Trijntje Jarigs Koning (* St.-Anne 29-4-1849), bern fan Antje Klazes Wassenaar († St.-Anne 4-2-1852) en Jarig Ouwes Koning († St.-Anne 24-4-1854), boeren te St.-Anne; Ouwe en Tryntsje binne yn Hartman syn húshâlding te St.-Jabik en St.-Anne opnommen
Bern út it twadde boask:
Johannes Hartman van Aisma, folget VII.1
Bern út it tredde houlik:
Hartman van Aisma, folget VII.2

Ljouwerter Krante, 24, 27-3 en 3-4-1863:

Ljouwerter Krante, 7 en 11-1866:

Ljouwerter Krante, 2-9-1871:
Heden overleed, in den ouderdom van
40 jaar, mijn geliefde Echtgenoot HART-
MAN JOHANNIS VAN AISMA, in leven Bur-
gemeester van de gemeente Het Bildt en Lid
der Provinciale Staten van Friesland.
Beetgum, 28 Augustus 1871.
Wed. H.J. van AISMA-Busscher.
Volstrekt eenige kennisgeving aan Vrienden en
Bekenden.

Sweager Pieter Fabrij de Jonge behertiget de neilittenskip fan Hartman Johannes van Aisma. Ljouwerter Krante, 8-9-1871:

As Hermina Busscher ferstjert set har heit in rouadvertinsje. Ljouwerter Krante, 2 en 9-12-1881:

Yn ’e selde snuorje as syn twadde frou ferstjert is in ferkiezingskampanje geande om har man Hartman yn ’e Provinsjale Steaten te krijen. Ferskate kiesferienings rikkemandeare him oan, ûnder oaren syn eigen gemeente (sjoch hjirûnder), Baarderadiel, Frjentsjer, Harns, Wûnseradiel. Hartman krijt 459 fan ’e 921 útbrochte stimmen, der komt in herferkiezing.
Ljouwerter Krante, 14-12-1866:

Ljouwerter Krante, 1-1-1867:

§ BOARGEMASTER BETOCHT
De Bildtse Courant (30-8-1871) wurdt Hartman Johannes van Aisma – yn rourâne – sa betocht:
(sitaat H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt diel IIIA, s. 248):
/…/de wakkere en bekwame strijder voor regt en billijkheid, de goedhartige helper van minder bedeelden, de gelukkige beoefenaar en ijverig bevorderaar der toonkunst
/…/
het door hem opgerichte zangkoor heeft langen tijd als ‘‘Van Aisma-Koor’’ een uitstekende naam gehad
/…/en de oprechte vriend van velen, een zeer waarderend herdenkingswoord. Hij was algemeen zeer geacht.


Hartman Johannes van Aisma, as er boargemaster fan It Bilt is (1864-1871)
Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Gosliga:

De Blauwe PLaats an ’e Kouweweg onder St.-Jabik dêr’t Hartman van Aisma bouboer is met syn eerste frou Jannegy Klazes Wassenaar foor syn burgemeesterskap. De foto is nommen in 1905; Kolleksy Bildts Aigene:


Hartman Johannes van Aisma, as er boer is op ‘De Blauwe Plaats’, hoeke (westkant) Kouweweg/Aldebiltdyk. Fotograaf: K. Fuchs, Ljouwert:

Jannigje Klazes Wassenaar:
Jannigje Klazes Wassenaar

Antje Douwes van der Meer:


Hermina Busscher:

Hartman weent as burgemeester fan ’t Bildt in dir huus an ’e Van Harenweg te St.-Anne. Fotograaf: Jan van der Leij:

Van Harenstraat 20, St.-Anne – hierhine ferhúst Hartman van Aisma met syn tweede frou Anne van der Meer op 8-5-1865; ’t huus is syn aigendom, ’t wordt ferkocht in 1872; in 1910 wordt ’t bestimd as ’t dorpshuus Ons Huis; in 1964 koopt de Firma Plat ’t pand foor winkelnering.
Luwter Krant, 9, 16 en 23-2-1872:


GENERAASJE VII
VII 1. Johannes Hartman van Aisma * St.-Anne (Oasteand, Van Harenstraat 20) 21-3-1866 † Ljouwert (Diakonessehûs) 31-10-1942 [] Bitgum r. 13 gr. 3; komt 31-8-1871 mei syn styfmem Hermina Busscher en syn healbroer Hartman út St.-Anne yn Bitgummole; ferfart 21/26-5-1873 nei syn pleechâlden, syn muoike en omke Fabrij de Jonge-van Aisma, te Ljouwert; wurdt op 13-3-1886 goedkeurd foar de Militêre Tsjinst, syn pleechheit Fabrij de Jonge keapet op 17-4-1886 foar him as pleatsferfanger/nûmerferwikselder Johannes Gerritsen te Ljouwert;
Johannes Hartman docht ien jier gymnasium en ien jier HBS te Ljouwert;
ferhuzet op 21/26-9-1887 út Bitgummole nei Leiden, studeart dêr sa’n acht jier oan ’e Universiteit fan Leiden, mar makket de stúdzje net ôf (meidieling Jan van der Leij, Bitgummole), hy húsmannet dêr noch yn 1890; wennet yn 8-11-1895 te Beverwyk en 15-11-1895 te Amsterdam, lykas dêr ek yn 1902, ’06; ferfart Alde Maaie 1906 út Bitgummole nei Dútslân; hy komt Alde Maaie 1906 yn te wenjen by syn ‘Tante Geertje’ op Nieuw Aisma te Bitgummole en bliuwt dêr nei har ferstjerren, tenei mei in húsfeint/hûsbewarder en syn frou; dat binne fan 9-9-1925 oant syn ferstjerren Hendrik Wolfslag * Ljouwert 29-5-1886; by trouwen kelner te Ljouwert; sn fan Albertus Georgius Wolfslag, arbeider en útdrager te Ljouwert, en Trijntje Pieters Pitstra; x Ljouwert 12-8-1925 Aaltje Nijland * Ljouwert 1884; by trouwen tsjinstfaam te Marsum; dr fan Jan Jans Nijland, arbeider en besoarger fan guod (goederenbesteller) te Ljouwert, en Hilligje Jans Bel.
Johannes Hartman is lâneigner te Bitgummole (plm. 300 pûnsmiet). Hy is bestjoerslid fan Het Beetgumer en Engelumer Nieuwland en kommissaris fan ’e N.V. Beetgumer Bureweide.
Hy is fan 1915 oant syn fertigen b
eskermhear fan keatsferiening O.K.K. (Oefening Kweekt Kunst) te Bitgummole. Hy stelt gâns prizen beskikber. De nei him neamd is ‘Van Aisma Partij’, dy wurdt alle jierren op ’e Van Aisma-dei yn Bitgum keatst.
Sjoch: Tusken Gripe & Telegraaf – 100 jier O.K.K. Bitgum
-Haadstik 4 Johannes Hartman van Aisma
Haadstik 6 Joh. van Aisma-stichting
Haadstik 1 Yn ’e Greep fan de Gripe, noat 9 

By testamint wurdt syn lânbesit en hûs ûnderbrocht yn de ‘Johannes Hartman van Aismastichting. Yn it hûs moat de ynrjochting fan ien keamer yn takt hâlden wurde sa’t Van Aisma dêr wenne hat, mei syn skriuwburo, oare meubels, kasten mei boeken en diggelguod en (foto)portretten. Yn it oare part fan it hûs resideart de behearder. Fan 30-12-1942 oant 3-11-1969 (mei in ûnderbrekking fan 13-10-1944 oant 15-4-1945) wennet hjir de boargemaster fan Menameradiel, Dirk Torensma. Dêrnei binne behearder Jan Willems Dijkstra * Bitgum 10-4-1907, gernier, letter boer oan ’e Langestraat te Bitgummole; sn fan Willem Piers Dijkstra, gernier, letter boer oan ’e Langestraat te Bitgummole, en Grietje Jans Groenveld; x Menameradiel 15-5-1930 Trijntje de Vries * Bitgum 14-6-1908; dr f. Jelle Gerrits de Vries, arbeider en sutelder yn bakkersguod te Bitgum, en Antje Minnes Braaksma; by har yn wennet ek Janke de Vries * Bitgum 26-6-1910, suster fan Tryntsje; Jan Willems Dijkstra is neist behearder, bestjoerslid fan ’e J.H. van Aismastichting; soan Grietzen * Bitgummole 3-4-1945 allyksa en letter foarsitter. Hy wennet dêr mei de húshâlding fan 1-12-1969 oant 27-9-1988.
Yn 1988 wurdt de ynboel ferkocht en yn 1989 komt it hûs op buorden en wurdt it kocht troch Jacob Visser, dy’t dat op 1-10-2008 fan ’e hân docht.

Nei Johannes Hartman wurdt de Alddyk troch Bitgummole hinne neamd: de J.H. van Aismawei.

Syn boarstbyld yn brûns fan byldhouwer Hans Jouta fan Ferwert stiet foar ‘Groot Terhorne’ (nr 52) oer. 
Fotograaf: Doeke de Jong, 4-11-2020. Opskrift:
JOHANNES HARTMAN van AISMA/* 21-03-1866 St. Annaparochie/† 31-10-1942 Beetgumermolen/Grondlegger van de/’J.H. van Aismastichting’/04 februari 2006/
Yn it byld: Jouta ’05.
It byld is pleatst yn it ramt fan ’e werynrjochting fan ’e J.H. van Aismawei, dêr’t doe ek it pleintsje ta stân kaam:

De sulveren bal dy’t J.H. om hat is de wikselpriis dy’t de J.H. van Aismastichting skonk oan O.K.K., bedoeld foar de winner fan ’e ôfdielingspartij op sneon. De earste twa kear is de priis wûn troch O.K.K. sels. Nei 2018 is dit wer in d.e.l.-partij mei de bal as koaningspriis.
De sulveren bal is makke troch juwelier Kramer te Frjentsjer.
Winners fan De Johannes Hartman van Aisma Wandelbal:
2013 Bitgum, Johan van der Meulen, Tjisse Steenstra en Cornelis Terpstra

2014 Bitgum, Johan van der Meulen, Tjisse Steenstra en Kor Zittema
2015 Ljouwert, Jouke Bosje, Pieter Jan Plat, Hans Wassenaar
2016 Minnertsgea, Marten Bergsma, Hylke Bruinsma, Hendrik Kooistra
2017 St.-Jabik, Bauke Triemstra, Teake Triemstra, Renze Hiemstra
2018 Minnertsgea, Marten Bergsma, Hylke Bruinsma, Hendrik Kooistra.
(Mei tank oan Doeke de Jong.)

Johannes Hartman van Aisma. Fotograaf: H.B. Broersma, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Gosliga:


Ljouwerter Krante, 3 en 4-11-1942:

Ljouwerter Krante, 4-11-1942:

Ljouwerter Krante, 16-11-1942:

VII.2 Hartman van Aisma * Oasteand, Van Harenstraat 20, St.-Anne 21-4-1871 † Ljouwert 23-5-1894, wenjend te Venlo, 23 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 6; Doopsgesind; komt 31-8-1871 mei syn mem en healbroer Johannes Hartman út St.-Anne yn Bitgummole; ferhuzet dêrwei op 24-2-1882 nei Ljouwert; ferfart op 28-9-1885 as fjirtjinjierrich jonkje dêrwei nei Amsterdam; ferhuzet dêrwei yn 1888 nei Breda, folget dêr in oplieding oan de Koninklijke Militaire Academie (KMA); wurdt op 12-3-1891 by de keuring foar militêre tsjinst te Ljouwert frijsteld ‘wegens eigene dienst’, Hartman sit dan as kadet op ’e KMA te Breda; 2e luitenant by it 2e  rezjimint huzaren te Venlo; Hartman ferstjert by syn pleechâlden, syn muoike en omke Fabrij de Jonge-van Aisma, te Ljouwert;
Hartman sit yn gâns bestjoeren yn ’e rûnten fan ’e KMA, ûnder oaren op it gebiet fan ’e letterkunde, muzyk en sport (sjit- en tennisferiening).

Hartman van Aisma yn 1891 en 1892.
Kolleksje Nationaal Historisch Archief, Den Haach – mei tank oan Maurice van Lieshout:


Hartman van Aisma yn huzare-unifoarm.
Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Gosliga:

Ljouwerter Krante, 25 en 26-5-1894:


Ljouwerter Krante, 28-5-1894:

Jongfeint Hartman wurdt blykber beskôge as in belangryk man, yn dy sin dat syn begraffenis apart yn ’e krantekolommen fermeld wurdt. Lykas by syn pleechheit Fabrij de Jonge hat de beïerdiging plak ‘in stillen eenvoud’. Ljouwerter Krante, 29-5-1894:

Ljouwerter Krante, 9 en 11-6-1894:

§ DOOPSGESIND
Hartman kiest derfoar om by de Doopsgesinden te gean; opmerklik, want syn âlden en pleechâlden binne Nederlâns Herfoarmd, lykwols syn pake Remmo Busscher is Doopsgesind. Hartman is militêr en by de minnisten nimme se fânâlds it gewear net op. Mar dat begjinsel is yn ’e mear frijsinige werdopersrûnten yn Hartman syn tiid al wat ferwettere.

§ HARTMAN SYN BREDASE JIERREN
Foar syn ûndersyk nei libben en wurk fan ’e arts en seksuolooch Lucien von Römer (1873-1965) bestudearret Maurice van Lieshout de Bredase jierren fan Hartman van Aisma.

Lucien en Hartman wienen yn dy jierren freonen. Van Lieshout ûndekte ûnder oaren it folgjende:

In oktober 1885, nog geen 15 jaar oud, vertrok Hartman van Aisma naar Amsterdam. Mogelijk ging het met hem in het pleeggezin en op school in Leeuwarden niet zo goed. Drie jaar lang woonde hij in bij Jacob Kamminga van der Meer en Grietje Feikema, een Fries echtpaar met twee jonge kinderen. Jacob was in 1875 aan de Hogeschool Groningen gepromoveerd tot doctor in de wis- en natuurkunde en daarna leraar geworden, eerst in Zaandam en vanaf 1879 aan de drie-jarige Hoogere Burgerschool voor meisjes in Amsterdam. Het ligt voor de hand dat Hartmans pleegouders hem kenden of dat hij hen was aanbevolen om als privé-leraar Hartman klaar te stomen voor het toelatingsexamen van de KMA. Daarvoor was een vooropleiding op hbs 5 – niveau vereist.

In september 1888 verhuisde Hartman naar Breda en werd hij ingeschreven aan de militaire academie. Het eerste jaar verliep moeizaam, zo moeizaam dat hij zakte voor het eindexamen en het jaar over moest doen. Was zijn deelname aan het rijke verenigingsleven aan de academie in zijn eerste studiejaar nog bescheiden, daarna komen we zijn naam steeds vaker tegen. Hij speelde lawn tennis – dan nog een piepjonge sport in ons land -, zong mee in een koor en trainde en trad op met gymnastiek, revolverschieten en paardvoltige (acrobatiek op de rug van een paard). Van de tennis- en schietvereniging was hij bestuurslid terwijl hij in 1892 oprichter en president werd van de Letterkundige Vereeniging ‘Vivat crescat floreat’ (‘leef, geloof, bloei’). Twee jaar lang maakte hij bovendien deel uit van de redactie van de Cadetten-Almanak.
Tijdens zijn studietijd maakte hij in Breda vele vrienden. De opmerkelijkste vriendschap is die met de twee jaar jongere Lucien von Römer, toen leerling van het Stedelijk Gymnasium Breda. Waarschijnlijk hebben de twee elkaar leren kennen via Luciens oudere broer Johan. Johan zat ook op de KMA – een jaar hoger dan Hartman -, en was lid van dezelfde tennis- en schietvereniging.
Het bijzondere karakter van de vriendschap tussen de cadet en de gymnasiast blijkt uit de ruim 30 gedichten die Lucien opdroeg aan Hartman en die allemaal hun vriendschap tot onderwerp hebben. Vijftien daarvan – verzameld onder de titel ‘Cypressenloof’ – werden geschreven ná Hartmans dood.
De gedichten van Lucien von Römer passen in de romantische, vaak hartstochtelijke vriendschapscultus en -lyriek die we bijvoorbeeld ook onder de Tachtigers tegenkomen. Maar de gevoelens die Lucien uitspreekt voor Hartman gaan verder dan boezemvriendschap en klinken eerder als liefdesverklaringen.  Al in het eerste aan Hartman opgedragen gedicht schrijft hij : ‘Ik heb u lief, mijn dierbre vriend! / Ik min u met geheel mijn wezen’ […] ‘Gij hebt aan mijn smachtende ziel gegeven, / Waarnaar ik reeds jaren verlang.’
Als Hartman in de zomer van 1892 een meisje leert kennen, schrijft Lucien hem deze aanstaande bruid te gunnen. In april van het volgende jaar bezingt hij hun vriendschap echter alsof Hartmans vriendinnetje alweer van het toneel verdwenen is: ‘Als engelen accoorden / Zoo klinkt het nu door / In al mijn denken en voelen, / Wat jij me toen zei, / Op weg naar ons huis, / gearremd met mij’ […] Wij spraken, mijn vriend / van de liefde, zoo groot, / die ons zoo verbindt / tot aan onzen dood, / dat nooit w’ elkander verlaten’ […] ‘En jij was zoo goed, / en troostte met eer / met woorden, zoo zoet / en sprak telkens weer / “Maar ik heb jou toch lief!” / Heb dank voor dat woord. / Het was als een zang; / Zoo heb ik ‘t gehoord / nu dagen al lang. / Hij heeft me werkelijk lief.’
Lucien von Römer schreef zijn gedichten in schriften en dagboeken en verzamelde die in 1914 (hij was toen havenarts in Priok, Nederlands-Indië) in een apart cahier. Toen hij zijn archief in 1955 overdroeg aan het Rijksarchief in Den Haag had hij de bundel opgenomen in een pakket dat pas in het jaar 2000 geopend mocht worden. Of hij ze ruim een eeuw eerder aan Hartman zelf heeft laten lezen, weten we niet, net zo min als hoe diep de gevoelens waren die Hartman voor Lucien koesterde.
Niet alleen Lucien, maar ook vele anderen waren erg gecharmeerd van Hartman van Aisma. De Venloosche Courant (Hartman was in Venlo gelegerd bij het 2e regiment huzaren) schrijft naar aanleiding van zijn overlijden dat hij zowel onder zijn meerderen als zijn minderen in het regiment ‘hooggeacht’ werd en dat hij ook ‘onder de burgerij in korten tijd (nog slechts negen maanden was hij officier) vele vrienden [wist] te verwerven.’ Net als deze krant maakt ook de Limburger Koerier melding van de delegatie onder leiding van luitenant-kolonel Lagerwerff die vanuit Noord-Limburg naar Friesland trekt om in mei 1894 Hartmans begrafenis bij te wonen.
De krachtigste verwoording van Hartmans innemende persoonlijkheid vinden we in het In Memoriam geschreven door J.T[ersteeg] voor de Cadetten-Almanak van 1895. Die noemt hem ‘een gezelligen, vroolijken kameraad’ en een gangmaker, die echter ook een andere kant had: iemand die je troostte, hielp en moed insprak als het tegenzat, ‘Ieder hield van hem, in den letterlijken zin.’

Gedicht fan Lucien von Römer op Hartman van Aisma, dateard 6 july 1893, Lucien is dan 19 jier, Hartman 22:

Liedje

Lief Hartman, lief Hartman
Ik kom dan bij jou,
Van avond alleen met ons beiden.
Wat zal ik toch doen, ik ben zoo verheugd,
Mijn hart barst los in juichen:
“Euho, Euho, ik zal hem weer zien,
“Mijn eenigen vriend en broeder !”

Gelukkig voel ik me in dat gevoel,
Ik ben nu zoo vrolijk, zoo lachend.
Als klein kind hunker ik naar dat uur.
Wat duren die dagen toch lange!
En ‘t al barst los in juichen:
“Euho, Euho, je zult hem weer zien,
“Je eenigen vriend en broeder!”

Sjoch: Maurice van Lieshout, ‘Ach, Aisma, heb mij lief.’ De Bredase jaren van Lucien von Römer (1873-1965);
De Oranjeboom – De Geschied- en Oudheidkundige Kring van Stad en Land van Breda; Jaarboek 72 (2021).

§ GRÊVEN TE BITGUM
Yn it koar fan ’e Bitgumer tsjerke leit it omskot fan Gertje Johannes (IV.1), de earste frou fan Evert Klazes van Aisma. Evert sines leit bûten begroeven, want sûnt 1829 mochten gjin liken mear yn tsjerke byset wurde, fanwegen de hygiëne: rike stjonkerts.
By de lêste restauraasje binne de stiennen kris-kras trochinoarhinne lein:

DE 12 APRIL 1825 IS IN DEN HERE GERUST/GERTJE JOHANNES HUISVROUW VAN/E. K. VAN AISMA OUD 53 JAAREN 8 MAAN/DEN 23 DAGEN EN LEIT ALHIER BEGRAVEN.
Op ’e selde sark stiet it grêfskrift fan Gjet har broer Gerke Johannes.
Hjir lizze ek de oerskotten fan p
ake en beppe Gerke Johannes en Metje Clases Osinga.

Op it hôf, oan súdkant.
Rigel 12, de eardere sarken binne opromme
Grêf 10:
Jacob Wybes Gosliga * Marsum 2-3-1774 † Bitgummole 28-8-1821, 45 jier, man fan Jeltje Klazes van Aisma
Grêf 11:
Jeltje Klazes van Aisma * Menaam 22-1-1780 † Groot Aisma, Bitgummole 13-4-1856, 76 jier 

Rigel 13, grêven  1 o/m 9:
Houkje en har dochters Minke en Tryntsje Everts van Aisma binne net opnommen yn ’e rige sarken Van Aisma; har mooglik eardere grêfstiennen binne opromme

Grêf  1:
Minke Everts van Aisma * Bitgummole 16-10-1831 † Huzum 2-12-1867, 36 jier; frou fan Dirk Klazes Lourens

Grêf 2:
Houkje Pieters Siderius * Weidum 16-10-1806 † Bitgummole 4-11-1878, 72 jier, widdo fan Evert Klazes van Aisma, frou fan Hylke Symens Reisma

Grêf 3:
Trijntje Everts van Aisma * Bitgummole 3-2-1843 † Berltsum 5-2-1927, 84 jier, frou fan Thomas Rinks Groenveld 

Grêf 4:
RUSTPLAATS/VAN/EVERT KLAZES VAN AISMA,/IN LEVEN KERKVOOGD/TE BEETGUM, OVERLEDEN DEN/4 MEI 1851, IN DEN OUDERDOM/VAN RUIM 84 JAREN./

HARTMAN VAN AISMA,/IN LEVEN 2e LUITENANT /DER HUZAREN TE VENLOO;/GEB. TE ST. ANNA PAROCHIE/ DEN 21 APRIL 1871,/OVERLEDEN TE LEEUWARDEN/DEN 23 MEI 1894. 

Grêf 5:
JOHANNES EVERT VAN AISMA,/ECHTGENOOT VAN/IJTJE H. HARTMANS, IN LEVEN/KERKVOOGD TE BEETGUM./OVERLEDEN DEN 24 DECEMBER/1852, IN DEN OUDERDOM VAN 48 JAREN, EN RUIM 3 MAANDEN.

MAAIKE VAN AISMA;/DOCHTER VAN/JOHANNES VAN AISMA/EN IJTJE HARTMANS,/GEB. TE BEETGUM 15 JULI 1849,/OVERL. ALDAAR 5 JUNI 1872.

Grêf 6:
RUSTPLAATS/VAN/IJTJE HARTMAN HARTMANS,/ECHTGENOOTE VAN WIJLEN/JOHANNES E. VAN AISMA./OVERL. TE BEETGUM 10 AUG. 1857/IN DEN OUDERDOM VAN 47 JAREN EN 8 MAANDEN.

RUSTPLAATS/VAN/GERTJE JOHANNES VAN AISMA,/OVERLEDEN DEN 4 JUNIJ 1830, IN DEN/OUDERDOM VAN RUIM 7 MAANDEN,/
EN/
EVERT JOHANNES VAN AISMA,/OVERLEDEN DEN 13 OCTOBER 1831,/IN DEN OUDERDOM VAN 1 JAAR/11 MAANDEN EN 19 DAGEN/ZIJNDE TWEELINGEN.

GEERTJE VAN AISMA,/GEB. TE BEETGUM 18 NOV. 1847,/OVERL. ALDAAR 21 APRIL 1924./WED. VAN PIETER FABRIJ DE JONGE.

PIETER FABRIJ DE JONGE,/HARTELIJK GELIEFDE ECHTGENOOT/VAN GEERTJE VAN AISMA;/GEB. TE GOES 28 APRIL 1842,/OVERL. TE LEEUWARDEN 22 FEBR. 1896.

Grêf 7:
RUSTPLAATS/VAN/ANTJE D. VAN DER MEER,/GEB. TE WIJNS DEN 11 JANUARIJ/1834, OVERL. TE ST. ANNA PAR./DEN 5 DECEMBER 1866,/ECHTGENOOTE VAN/HARTMAN JOH./VAN AISMA./

Grêf 8:
RUSTPLAATS/VAN/HARTMAN JOHS. VAN AISMA,/GEB. TE BEETGUM 16 MAART 1831/EN OVERL. ALDAAR 28 AUG. 1871,/IN LEVEN BURGEMEESTER VAN DE GEM. HET BILDT,/EN LID DER PROV. STATEN VAN FRIESLAND./DIEP BETREURD DOOR ZIJNE/NAGELATEN WEDU./HERMINA BUSSCHER.

Grêf 9:
RUSTPLAATS/VAN/HERMINA BUSSCHER,/WED. VAN DEN HEER/HARTMAN JOHS. VAN AISMA,/GEB. TE BEETGUM/16 OCTOBER 1845,/EN OVERLEDEN ALDAAR/29 NOVEMBER 1881./DIEP BETREURD DOOR HAAR EENIGSTE ZOON,/OUDERS, BROEDERS EN ZUSTERS.

RUSTPLAATS/VAN/JOHANNES HARTMAN VAN AISMA/GEBOREN TE ST. ANNA PAROCHIE/21 MAART 1866/OVERLEDEN TE LEEUWARDEN/31 OCTOBER 1942./OPRICHTER VAN DE JOHANNES/HARTMAN VAN AISMA STICHTING./GEVESTIGD TE BEETGUMERMOLEN.
Steand stientsje oan it hollenein:
IN DANKBARE NAGEDACHTENIS/AAN DE STICHTER VAN DE/”HARTMAN JOHANNES VAN AISMA”/STICHTING

Boarnen ûnder oaren:
Jan Buursma, Marten ten Cate, De trije doarpen eartiids, eigen behear, Printerij Emka, Bitgum
Josse de Haan, einredaksje, Tusken Gripe & Telegraaf – 100 jier O.K.K. Bitgum, Koperative Utjowerij, Boalsert 1995 ISBN 90-6570-263-6
T. Kingma, Bitgum – De skiednis fan Bitgum en Bitgummole, Fryske Akademy, Ljouwert, 1988 ISNB 90-6171-694-2
T. Kingma, In slach om – troch âld Bitgum en Bitgummole, eigen behear, Drukmediaan Snits, Ljouwert 1991

Jan van der Leij – Undersyksargyf Van Aisma, Bitgummole 2008, ûnderbrocht yn ’e Kolleksje Van Aisma, Erfgoed Fundaasje 2020
D.J. van der Meer, Grafschriften tussen Vlie en Lauwers – IV Menaldumadeel, Het Friesch Genootschap en De Fryske Akademy, Jongbloed, Ljouwert 1959
H. Sannes, Geschiedenis van het Bildt I, II, III, T. Wever, Frjentsjer, 1956
W.Tsj. Vleer, De Friese Wassenaars, W.Tsj. Vleer en Het Wassenaar-Comité, Laverman N.V., Drachten, 1963