GENEALOGY BAKKER (Bûtenpost)

De bern fan Miente Bakker en Mine van der Schaaf, by beppe Dieuwke yn ’e tún fan it Jeltingahûs te Bûtenpost.
Albert, Bauk, Dieuwke, Popke, Maaike, Lammert, Durk, Sieuwke en Sjoerd.
B61

Je mag wel bang zijn, maar niet laf, dat seit fersetsstrider Popke Bakker tsjin syn jongere broer Albert yn dy syn twifelriedigens. Dat is ek de titel fan it boek fan Toni Boumans oer de De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker, dat yn 2021 ferskynde.
Dizze diel-genealogy kin tsjinje as hâldfêst en oanfulling. Yn gearwurking mei de auteur wurdt ynformaasje út dy famyljekronyk oanhelle, mei dêrby opjefte fan it (earste oanbelangjende) paginanûmer, lykas B113 (=Bakker side 113).

Dizze stambeam Bakker omfiemet it parenteel fan Miente Popkes Bakker en Trijntje Dirks van der Schaaf (VII.1). Dêroan foarôf giet in stamrige.
Yn ’e twadde generaasje, ein 18de iuw, is Binke Rintjes bakker fan berop, syn soannen neame har Binkes en Bakker. De Bakkers bedarje fia it winkelmanskip en manufaktuerij yn ’e gerennomearde moade: P.S. Bakker is lang in begryp foar maatwurk.

De earste generaasjes binne Minnist of Doopsgesind. Yn Balk, dêr’t de trije earst bekende stagen tahâlde, hâlden de saneamde Fine Minnisten ta. Doopsgesind kin tsjutte op de mear frijsinnige lear.
Sûnt Popke Sjoerds (VI) him oerjûch oan ’e otterdoksy binne de Bakkers Grifformeard, ‘mei in sterk moreel kompas’, seit Toni Boumans. Yn ’e Twadde Wrâldoarloch wurdt troch ien fan ’e SD oppere dat de Bakkers in Privatkrieg tsjin de nazi’s fiere. Se sille dat djoer bekeapje.
Fan ’e njoggen bern fan Miente Bakker en Mine van der Schaaf binne fjouwer jonges homoseksueel, yn in fijannige weareld. Dat se ha sadwaande mei in twadde striid te kampen.
Neef Sjoerd tinkt midden 1943 dat er de oarloch net oerlibje sil. Hy freget syn bruorren Popke en Albert en syn mei-fersetsstriidster Lau Mazirel om nei de befrijing derfan te tsjûgjen dat de homoseksuele mins net ien fan neat is, mar krigel, ûnferslein wêze kin.
Hooplik draacht dit epistel oan dat boadskip by.

Tineke Bakker (VIII.10), healsuske fan Sjoerd-en-dy, is in oerfloedige boarne foar ynformaasje oer de famylje út de earste hân. Fan ’e foto-albums fan deselde is folop gebrûk makke; dat makket dat dizze genealogy ek it karakter krijt fan in famylje-album. Yn dat ramt kinne jo foto’s, oantinkens yn ’e foarm fan in paragraafke (§) of in persoanlike noat, in oanwinst wêze. Dat jildt ek foar mear skiedkundige hâldfêsten en ferbetteringen fansels. 
Dat betsjut mei-inoar histoarje skriuwe, yn ’t algemien belang.

Yn 1969 hat Lammert Bakker (VIII.8) argyfmateriaal skonken oan ûnderskreaune; dat erfgoed is opnommen yn ’e Kolleksje Bakker-van der Schaaf yn it argyf fan Erfgoed Fundaasje. Foto’s dêrút binne yn dit oersjoch pleatst.
Lammert en ik ha letter bepraat dat ik Lammert syn oantinkens en it wjerfarren fan syn neiste famylje in kear op papier sette soe. Dat is dan no safier, de oantekeningen datoangeande binne yn dit stik ferwurke.

Undersyk en tekst: Goasse Doekeles Brouwer


It is de bedoeling dat dizze genealogy folslein yn it Ingels oerset wurdt.
Klik foar in foarpriuwke op it flachje yn it haadmenu.


Click on the flag in main menu for English.
Klik op ’e yllustraasjes foar grutter.

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
B1 = Bakker side 1 (Toni Boumans, Je mag wel bang zijn maar niet laf)
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind
G = Grifformeard
KG = Kristlik Grifformeard
NH = Nederlâns Herfoarmd
RK=Rooms Katolyk
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?

Boarnen û.o.:
-Lammert Sjoerd Bakker, Stamboom Bakker-Althuisius; eigen behear, Bithoven, 1995.
-Miente Bakker, nr IX.2 yn dizze genealogy, meidielingen (25-11-2021), Alkmaar, oantsjut mei: MB
-Tineke Bakker, nr VIII.10 yn dizze genealogy, meidielingen (18-11-2021), Bûtenpost, oantsjut mei: TB
-Toni Boumans, Je mag wel bang zijn, maar niet laf – De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker, Uitgeverij Balans, Amsterdam, 2021 ISBN 978 94 638 2117 9.
By ferwizingen en parafrazen dêrút is soks oantsjut mei Bakker en it sidenûmer: B1, ensfh.
-Goasse D. Brouwer, Uttreksel Stambeam van der Schaaf, eigen behear, Bitgum, 1978.
-De Kommisje, Durk en Baukje (út weinmakkers ta keaplju en oare fûgels) Utflein fan Bitgummole oant Bagdad en fan Dyksterhuzen oant Lillydale; eigen behear, Bitgummole, 1986.
-Arend Middel, Familie Van der Schaaf – Beetgum – Parenteel, eigen behear, Assen, 2009.
Genealogy Bruinsma (Barradiel) VII.1 en VII.3
Genealogy Brouwer 1 XIV.1
-Mattie Bruining-Hoeksma, genealogise gegevens Bakker
-Dieuwke Eringa, Ik ben van elf, autobiografy, Uitgeverij Bert Bakker, Amsterdam, 1992 ISBN 90 351 1244 X
-Foto’s oangeande it doarp Bûtenpost: Stichting Oud Achtkarspelen, mei tank oan Mattie Bruining-Hoeksma; oantsjut mei: OA
-Foto’s út de Kolleksje Bakker-van der Schaaf binne oantsjut mei: BS
-Foto’s út de Kolleksje Tineke Bakker binne oantsjut mei: TB
Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius
Trouw
Traces of war.

Dit is wurk yn útfiering. Sjoch oer ús wurkwize: Oer ús.

Ynhâld

  1. Stamrige – Generaasjes I-IV
  2. § In kweade streep – Popke Sjoerds foar it gerjocht
  3. V Sjoerd Popkes Bakker en Pytsje Spaan
  4. § Feartsjinst – Bakkers farre fan Langwar
  5. VI Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Althuisius
  6. § Swier – Dieuwke wol dea
  7. § Blijmoedich en rjochtlinich – Kleure karakters
  8. § Izersterk – P.S. Bakker Sr, hat wat yn ’e bouten
  9. § In knoarre jild – P.S. Bakker Sr., leafhawwer fan ûnreplik guod
  10. Bern fan Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Dirks Althuisius, Generaasje VII
  11. Pietertje Bakker
  12. -Aafke Bakker x Pier Eringa
  13. -Sjoerd Bakker x Geertrui Visser
  14. -Idske Bakker
  15. -Wiebigje Bakker x Sjoerd Eringa
  16. -Dirkje Bakker x Cornelis van Mourik
  17. -Durk Miente Bakker
  18. -Albert Sjoerd Bakker x Hedzerika van der Kooi
  19. -Miente Bakker Bakker
  20. -Neeltje Bakker
  21. -Lammert Bakker x Egberdina Hendrika Kuitert
  22. -Neeltje Bakker x Tæke Bakker
  23. -Sikke Bakker x Lucia Willemina van der Kluft
  24. -Hendrik Bakker
  25. § Tsjerkeboartsje – Bloedserieuze boarterij
  26. -Abraham Bakker x Hendrika Egberdina Dik
  27. -Stefanus Johannes Paul Bakker x Cornelia Houtman
  28. § Jeltingahûs – Sûnt 1914 it Bakkershonk
  29. Wat is yn in namme – Ferneaming en betsjutting
  30. -Miente Bakker x Trijntje van der Schaaf
  31. § Mient nimt de mjitte neffens smaak – Mient mei-direkteur P.S. Bakker
  32. § Mine-mem – En de frede fan dyn bern sil grut wêze
  33. § Fersille sielen – Himelse Mine lit Mient mei njoggen bern op ierde
  34. § Golhertich en hurd – Thúskomme fan ’e kâlde kant
  35. § Homo- en biseksualiteit – In ûnferstelbere reade famyljetried
  36. § Allegear in poalis yn ’e bûse – Mient fersekeret syn sibben
  37. § Unwrikber solidêr – De oanhinklikens fan ’e bern, dit giet noait oer
  38. Generaasje VIII Bern út it earste nêst – Mient Bakker en Mine van der Schaaf
  39. -Popke Sjoerd Bakker
  40. § Goeddogger – Popke as jildsjitter fan ferset en keunst
  41. § Dit is de dag van mijn leven – Popke deasketten op ’e Dam
  42. § Tinkstiennen – Tekens foar Popke
  43. § Elf sonnetten op Friesland – Poëzij fan Bertus Aafjes foar de Bakkers
  44. § In dreech ein libben – Wederwarichheden fan Durk Bakker
  45. -Dirk Bakker
  46. -Sjoerd Bakker
  47. § Kûturier Sjoerd Bakker set it ferset yn ’e klean – Sjoerd bekeapet rjocht mei de dea
  48. § Stroffelstien – Tinkteken foar Sjoerd Bakker
  49. -Baukje Bakker
  50. -Albert Sjoerd Bakker
  51. § De ierdappelboat – Albert Bakker ferfart iten nei hongerjende Mokummers
  52. § Dierbere omgong – Neven reüneare
  53. -Dieuwke Bakker
  54. § Dieuwke
  55. -Sjoeke Bakker
  56. -Lammert Bakker
  57. § Lammert
  58. § Ferskil fan aard – Yn alle opsichten frjemd
  59. -Maaike Bakker
  60. § Maaike
  61. Bern út it twadde nêst – Mient Bakker en Jeannette Steen
  62. -Trijntje Janneke Bakker
  63. § Gelikenis – Fan foarm, kreativiteit en karakter: Bakker
  64. -Gerrit Hendrik Bakker
  65. -Sikke Bakker
  66. -Abraham Bakker
  67. Generaasje IX

STAMRIGE


GENERAASJE I
Rintie Bintjes

x Balk 14-8-1702, beide fan Balk, Nies Sjoerds,


GENERAASJE II
Binke Rintjes
† -12-1784; DG; bakker te Balk;
x Wikel 2-7-1747, ûndertrou Balk 17-6-1747, hy fan Balk, sy fan Wikel, Hantje Popkes ~ Sleat 1-8-1717 † omstrings 1784; dr fan Popke Freerks, DG, yn 1710 grôtmakker te Sleat, dêr froedsman, en Wypk Ages, by har trouwen fan Wikel
Seis bern, de jongste soan:
Sjoerd, folget III

Balk yn 1790/’91.
Hjir wenje de earste trije bekende generaasjes, de húshâldings fan Rintsje Binkes, Binke Rintsjes en Sjoerd Binkes.
Tekening: J Gardenier Visscher, J. Bulthuis en K.F. Bendorp

GENERAASJE III
Sjoerd Binkes
Bakker * Balk 5-3-1761 † Op ’e Heide by Sint Nyk 4-8-1826, 65 jier; by trouwen te Harich; yn 1824 boer te Sint Nyk (nr 38);
x Harich 28-8-1785, beide ûnder Harich, Hotske Wouters van der Meer (yn 1826 neamd: Visser) * De Gaastmar 28-11-1767 † Op ’e Heide by Sint Nyk 10-5-1855, 87 jier, hûsnr 38; as widdo boerinne te Sint Nyk oant har ferstjerren yn har 88ste; dr fan Wouter Kornelis en Hiltje Ates, boeren yn ’e Gaastmar
Alve bern, it sechsde:
Popke Sjoerds Bakker, folget IV

GENERAASJE IV
IV Popke Sjoerds
Bakker * Alde Ouwer 4-2-1800 † Langwar 9-4-1881, 81 jier, hûsnr 32; NH; by trouwen arbeider te Toppenhuzen, yn 1826 te Sint Nyk; yn 1829 te Langwar, dêr fjildwachter en eksteur (haad fan ’e plysje); ytger fan bûterfetten;
x 1 Wymbritseradiel 19-6-1824, 24 en 17 jier, Jeltje Wybes Zijlstra * Twellegea (Uitwellingerga) 1807 † Langwar 15-2-1842, 35 jier hûsnr 23; NH; by trouwen faam te Toppenhuzen; dr fan Wybe Frankes Zijlstra, yn 1813, ’19, ’23 boer te Twellegea, yn 1824, ’36 dêr arbeider, yn 1839 dêr keapman, en Ytje Gerbens Wijnja, yn 1847 winkellju te Twellegea;

x 2 Wûnseradiel 31-5-1844, 44 en 31 jier, Richtje Hendriks Alkema * Skuzum (Idzegahuizum.) 25-11-1812 † Langwar 20-3-1892, 79 jier; NH; by trouwen faam te Langwar; dr fan Hendrik Ymes Alkema (yn 1817 ek: Alcoma), oaljeslachtersfeint te Skuzum (Letter I nr 18), en Antje Jans Weerstra;
Ferkeap
-21-8-1847: in winkelhûs mei hiem en sa; keapsom: f 1.050,00; notaris: Tjalling Siebrandus van der Ley te Langwar; Repertoire 074042;

Popke Sjoerds hâldt boelguod op 10-5-1880; opbringst: f 485,00; notaris: Jelle Zijlstra te Langwar; Repertoire: 074068
Ut it earste boask 8 bern – by har trouwen ferklearje Popke en Jeltsje dat se al in soan hawwe, de âldste:
Sjoerd Popkes Bakker, folget V

Popke Sjoerds Bakker
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius
Langwar yn 1791.
Sjoerd Popkes Bakker en Pitertsje Spaan binne yn ’e midden fan ’e 19e iuw de earsten fan dit laach te Langwar
en de earste tsien bernsbern wurde hjir berne.
Tekening: J. Gardenier Visscher, J. Bulthuis en K.F. Bendorp

Klik foar ynhâld >>

§ IN KWEADE STREEP
As Popke Sjoerds 56 jier is, wurdt beskuldige fan in kweade streek: falsk ytgjen fan in bûterfet.
Beschuldigd van het ijken/van een vierde botervat met/Vriesland D.W.1, 1855,/vervaardigd van hout/waarin kwade streep/aanwezig was; weswege/hij is gedagvaard by deur/waarders exploit van 21/Febr.
Als boven: Vonnis bepaald op 15 Mei.
It fûnis stiet der net by; as Popke al kweadogger is, sil it mei in boete beslikke west ha.

Rolboek Arrondissemintsrjochtbank Snits, 15-5-1856
Leeuwarder Courant, 18-4-1881
Leeuwarder Courant, 25-3-1892

Klik foar ynhâld >>

GENERAASJE V

V Sjoerd Popkes Bakker * Toppenhuzen 1-1-1824 † Langwar 21-12-1892, 68 jier, [] Langwar; NH; by trouwen arbeider te Boarnsweach; yn 1849, ’51 arbeider te Langwar; yn 1853, ’58 skipper, yn 1855 beurtskipper te Langwar; yn 1861, ’63, ’67, ’70 dêr winkelman en yn 1871, ’74, ’75 ek keapman (nrs 145, 68); yn 1873 dêr bakker; yn 1880 loazjeminthâlder en keapman, yn 1884 loazjeminthâlder en winkelman, yn 1886 idem en winkelman; by ferstjerren winkelman; neffens opjefte yn de Stamboom Bakker (1992) is Popke mooglik fan 1868-1886 kastlein yn ’e herberch De Drie Zwaantjes, mar neffens opjefte yn it Befolkingsregister is er yn 1880, ’84 en ’86 loazjeminthâlder te Langwar (sjoch hjirboppe); syn soan Lammert is yn 1886 ek ‘van kasteleinsbedrijf;
x Lemsterlân 26-11-1848, 24 en 23 jier, Pietertje Alberts Spaan (neamd Pyt) * De Lemmer 6-2-1825 † Langwar 28-8-1891; NH; dr fan Albert Feddes Spaan, yn 1813, ’34 skuonmakkersbaas op ’e Lemmer, dêr letter skipstimmerman, en Marijke Harmens Hellema (ek: Maria, Marike) B15
Sjoerd Popkes keapet yn 1871 mei syn broer Lammert, keapman, fearskipper en kastlein, lizzend ûnreplik guod te Langwar; yn 1873 ferkeapet er fan Lammert in pakhús te Langwar; yn 1873 hat boedelskieding tusken de bruorren plak; yn 1874 ferkeapet Sjoerd op ’e nij ûnreplik guod

Sjoerd Popkes Bakker.
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius
Pietertje Alberts Spaan.
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius
De Doarpsstrjitte te Langwar omstrings 1985;
foaroan rjochts De Drie Zwaantjes
dêr’t Popke Bakker en Pitertsje Spaan
sa’n hûndert jier earder kastlein binne.
OA

Ut dit boask 12 bern:
2 Albert Sjoerds Bakker * Langwar 13-1-1851 † Langwar 13-2-1921; beurtskipper te Langwar;
x Doanjewerstal 23-7-1875, op ’e selde dei as syn broer Popke, Siebrigje Jolles Hoekstra * Langwar 12-11-1854 † dêr 29-12-1927; by trouwen sûnder berop te Langwar; dr fan Jolle Jelles Hoekstra, nôtmûnder te Langwar, en Pietertje Pieters Jager
Ut dit houlik 7 bern.
3 Popke Sjoerds Bakker, folget VI

Klik foar ynhâld >>

§ FEARTSJINST
Albert hat mei syn broer Popke in feartsjinst fan Langwar op De Jouwer, Snits en Ljouwert; yn 1880 komt foar it fearskip de stoomboat De Eendracht I yn ’e feart, de boat wurdt troch in hele smite Langwarders feestlik út Grins nei Langwar fearn.
As Popke nei Bûtenpost ferfart, krijt Albert as kompanjon syn sweager Pieter Hoekstra; letter nimme Albert syn soannen Sjoerd, Sipke en Popke it affearen oer.


GENERAASJE VI
VI Popke Sjoerds Bakker * Langwar 5-7-1853 † Bûtenpost, Jeltingahûs, 25-11-1918, 65 jier, [] Bûtenpost; NH, mei syn trouwen G; komelker, greidboer, fuorman en keapman te Langwar; sûnt 30-11-1888 fearskipper, keapman, winkelman en manufakturier yn Het Oude Kantoor te Bûtenpost (hûsnrs Buorren 93, 128, 137, 48) en te Kollum, Stiensgea (Augustinusgea) en sûnt 1910 te Ljouwert; grûnlizzer N.V. Handelsvereniging P.S. Bakker te Bûtenpost en Ljouwert, Nijstêd 70; hat in feartsjinst op Ljouwert en Grins;
1901-1903 gemeenteriedslid foar de A.R.P. , 1903-1907 wethâlder fan Achtkarspelen; bestjoerder tsjerke, skoalle (û.o. foarsitter Kristlike skoalle Bûtenpost, bestjoerslid Willem Lodewijk Gymnasium te Grins), begraffenisferiening; adviseur wetterskippen; mei-oprjochter Stichting Woningbouw Achtkarspelen;
x Doanjewerstal 23-7-1875, op ’e selde dei as syn broer en har suster Lammert Sjoerds Bakker en Aafke Durks Althuisius, 22 en 19 jier, Dieuwke Durks Althuisius * De Jouwer 12-8-1855 † Bûtenpost, Jeltingahûs, 6-11-1935, 80 jier, [] Bûtenpost; KG, letter G.; komt as wees mei fjirtjin yn te wenjen by har muoike en omke Neeltje Mientes Althuisius en Johannes Cornelis Grondsma, boeren te Twellegea, letter te Offenwier; by trouwen dêr sûnder berop, neffens de wet te Langwar; winkelfrou te Bûtenpost en Kollum; dr fan Dirk Mientes Althuisius (widner fan Trijntje Atzes Osinga), yn 1847 skipper te Toppenhuzen, yn 1854 idem te Twellegea, en Idskje Johannes Veldman, KG, greidboeren op ’e Jouwer, sûnt Alde Maaie 1861 te Wâldsein.
Sjoch: Tjerk Wildeboer, Historisch allerlei IV, Binnenbuitenpost, Popke Sjoerds Bakker

Popke Sjoerd Bakker.
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius
.
Dieuwke Dirks Althuisius.
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius

Bern:
1 Pietertje Bakker, folget VII.1
2 Aafke Bakker, folget VII.2
3 Sjoerd Bakker, folget VII.3
4 Idske Bakker, folget VII.4
5 Wiebigje Bakker, folget VII.5

6 Libbenleas jonkje *- † Langwar 9-3-1883
7 Dirkje Bakker, folget VII.7
8 Durk Miente Bakker, folget VII.8

9 Albert Sjoerd Bakker, folget 9
10 Miente Bakker, folget VII.10

11 Neeltje Bakker * Bûtenpost 25-1-1890 † Langwar, wenjend te Bûtenpost, 2-4-1890, 2 moanne, [] Bûtenpost
12 Lammert Bakker, folget VII.12
13 Neeltje Bakker, folget VII.13

14 Sikke Bakker, folget VII.14
15 Hendrik Bakker, folget VII.15
16 Abraham Bakker, folget VII.16
17 Stefanus Johannes Paul Bakker, folget VII.17


§ SWIER
Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Durks Althuisius krije ferkearing, geastlik en fleislik. Popke is grou, frijsinnich, Dieuwke fyn, otterdoks. Popke is Nederlâns Herfoarmd en yn ’e libbenspraktyk de frije kant oer: de kastleinsjonges Bakker gean op yn it wearelds libbensfermaak, se komme yn ’e herberch koartswilich út ’e hoeke, hawwe de lakers op har hân en spylje sels toniel. Dieuwke is wol yn ’e wrâld, mar net fan ’e wrâld. Se is fan ’e
Ofskieding, swier op ’e hân en letterlik en figuerlik ôfskaat fan dat frivoale dêr’t Popke him mei fermakket. Dieuwke har deistige kost binne de bibelteksten, tonielspylje is út de Boaze.
Dieuwke rekket swier en wol harsels fan kant meitsje. As se ûnderweis by it wachthúske fan ’e hynstebus binne, betroud se dat Popke ta.
Popke seit: Dieuwke gean ris mei de rêch tsjin de muorre oan stean.
Dieuwke docht it.
Doch no in stap achterút.
Dat kin net Popke.
Dat kin net nee, stilstean hat gjin sin, dêrom foarút.

Dat docht dy rjochtlinige en rjochtfeardige Dieuwke, oant har ferstjerren ta, mei 80 jier. Se komt dan út tsjerke wei, stapt de salon op Jeltingahûs yn, en seit: Wat wie dat in moaie preek. Se siicht op ’e flier del en fertiget.
B17

Dit ferhaal fan de rêch en de muorre komt ek yn oare farianten foar, dan spilet it him betiden ôf op gewijde grûn, by de tsjerkemuorre bygelyks. En allyksa by oare famyljes op oare plakken, lykas by Hette Hettema en Anne van der Meer te Bitgum.


Tineke Bakker: ‘Dat de lju yn tsjerke ferantwurding ôflizze moasten, dêr hat ús heit behoarlik tsjin iggewearre. Hy makket mei dat in dûmeny dy’t derop geilt by it foarferhoar yn it konsistoar oan de jongfeint freget Hoe vaak hebben jullie het gedaan?
Dêr’t de jonge op laket: Oan ien drip ha guonnent genôch.’

Sjoch:
Grou/frijsinnich,
Fyn/ortodoks
Ofskieding/Kristlik Grifformeard
Skande, skande, sûnde, sûnde.

Klik foar ynhâld >>

§ BLIJMOEDICH EN RJOCHTLINICH
As Popke Sjoerds mei Dieuwke Althuisius de lange hier yngiet, wurdt er fan Herfoarme Grifformeard – blijmoedich grifformeard.
Tineke Bakker: ‘Ja, de Bakkers binne oer it generaal blij kristen. Apart, dat erft blykber oer. Hjir yn Bûtenpost wenne in achterneef Popke Bakker en dy wie dat earste; en wy hienen hjir yn dyselde snoarje in Althuisius en dy wie sa rjochtlinich as ’t mar kin, mar tagelyk rjochtfeardich, lykas beppe Dieuwke.
Us heit wie ek in blijmoedich man. By al syn ferliezen frege er noait: Wêrom? Mar: Wêrta? It earste set je fêst, want je sille hjir gjin antwurd krije, by it twadde kinne je fierderop.
By it trouwen fan Dieuwke wurdt se mei Flip Hoedemaker Herfoarmd. Us heit wurdt frege: ‘‘Hoe kinne jo dat goed fine?’’ ‘‘It leauwen is gjin tastân fan regeltsje’’, seit heit, ‘‘Dieuwke leaut!’’
Doe’t ús Jeannet geboaren waard sei moeder: ‘‘Soli Deo Gloria, ze lijkt op vader.’’ Dêr bedoelde se mei dat se rjochtstreekse bliermoedigens yn it poppegesicht seach, no ja.
Doe’t ik yn skieding lei sei vader: ‘‘Ook daarin kun je christen zijn. Verhaal het niet op je schoonouders.’’ Dat ha ik yn ’e bûse stutsen.’

Grifformearde tsjerke mei pastory te Bûtenpost.
Yn 1923 wurdt oan ’e eastkant in nije sydfleugel boud
en komme der kreakes yn.

Hjir gongen gâns Bakkers op nei Sion. Hjir binne se doopt, troud en útdroegen, hjir wienen de manlju tsjerkeriedslid.
Hjir wienen se jildsjitter.
OA

§ IZERSTERK
Popke is izersterk, yn ’t geloof, mar hy hat ek wat yn ’e bouten. Hy tilt sa in baal sûker fan 100 kilo de souder op.
As in kear in hynder mei ien skonk troch in putdeksel trapet en fêstsit, lûkt Popke mei de bleate hân it izer fansiden en is it hynder rêden. As in ko net út in djippe groppe komme kin, set Popke de brede skouders derûnder en klear is ’t.

Klik foar ynhâld >>

§ IN KNOARRE JILD
Popke Sjoerds hannelet yn ûnreplik guod as er de krudenierderijen, drogistenegoasje en moadesaken mear en mear oerlit oan acht fan syn njoggen soannen. Foar dy tiid hat er soks ek al wat by de ein, syn earste keap fan grûn docht er sa’t liket as er 22 jier is.
Hy hat niget oan keap en ferkeap fan fêstguod yn ’e Wâlden en fertsjinnet dêr in knoarre jild mei, hjir in mannich eksimpels:
Keap
-20-12-1875: in hoekje grûn te Langwar; ferkeaper: Jonker Rijnhard de Beaufort te Maarsseveen; keapsom: f 540,00; notaris: Jelle Zijlstra te Langwar; Repertoire 074068;

-26-5-1876: in hoeke grûn te Langwar; ferkeaper: as boppe; keapsom: f 546,00; notaris: idem;
12-10-1897: hûs en hiem; ferkeaper: Jitse feenstra te Mitselwier; keapsom: f 1.712,00; notaris: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; Repertoire: 024095;
-15-11-1905: hûs en hiem; ferkeaper: Jan Spoelstra te Twizel; keapsom: f 950,00; notaris: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; Repertoire: 024102
;
-5-4-1911: ôfbraak fan opstal fan it bûten Haersma State te Bûtenpost; ferkeaper: Hendrik Smids te Hurdegaryp; keapsom: f 2.559,00; notaris: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;

Haersmastate
Haersma State, oant 1911 yn wêzen, bûten bûten Bûtenpost
(tot 1911 landgoed gelegen nabij Buitenpost).
Popke Sjoerds makket dizze state mei de grûn gelyk,

mar hy soarget derfoar dat it Jeltingahûs stean bliuwt
en dêr sille hy en Dieuwke, har bern en bernsbern
in soad wille oan beleve, en letter de gehele mienskip

-1-2-1911: greide út in pleats te Bûtenpost; ferkeaper: Pieter Tuinman te Bûtenpost; keapsom: f 3.353,00; notaris: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; aktenr: 00025;
-3-3-1913: ûnreplik guod te Bûtenpost; ferkeaper: Pieter Tuinman te Bûtenpost; keapsom: f 2.861,00; notaris: as boppe; Repertoire: 024114; aktenr: 00044;
-1-12-1913: fjouwer stikken fergroeven lân yn ’e Harkema-Opein; ferkeaper: Durk Durks Kuipers, heareboer
te Bûtenpost op Jeltingahûs; keapsom: f 663,00; notaris: Anthony Marinus Harterink te Stiensgea; Repertoire: 006107; aktenr: 06264;
-2-4-1914: ûnreplik guod te Bûtenpost; ferkeaper: Hendrik Willem Hellema, notaris te Damwâld; keapsom: f 5.661,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114; aktenr: 00060;
-9-4-1914: foar ôfbraak: Jetingahûs mei tún, hôf, hiem en grûn;
ferkeaper: Elsje Diderica Hellema, troud mei Titus Marius ten Berge te Warkum; keapsom: f 3.063,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 006107;
-17-10-1914: ferkeap fan lânbougrûn yn ’e Harkema-Opein; ûnderskate ferkeapers; keapsom: f 360,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-2-11-1914: perselen grûn te Bûtenpost; ferkeaper: Albert Velding te Bûtenpost; keapsom: f 10.700,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-7-10-1916: hûs en grûn yn ’e Harkema-Opein; ferkeaper: Auke Pitstra yn ’e Harkema; keapsom: f 550,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 006127;
-25-4-1916: hûs, hiem en grûn te Surhústerfean; ferkeaper: Melle Jans Veenstra te Stiensgea; keapsom: f 4.487,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024117
.

Ferkeap
-26-12-1882: in part fan in hûs, weinhûs en hiem; keaper: Bouwe Jolles Dijkstra te Diken; keapsom: f 300,00; notaris: Jelle Zijlstra te Langwar; Repertoire: 074068;
-11-7-1893: in keamer yn in hûs en in weinhûs mei hiem te Langwar; keaper: syn broer Lammert Sjoerds Bakker te Langwar; keapsom: f 2.500,00; notaris: Jelle Zijlstra te Wommels; Repertoire: 140088;
-21-5-1894: perseel bouterrein; keaper: Gerhardus Reinink te Bûtenpost; keapsom: f 1.250,00; notaris: Gerrit de Jong Posthumus te Bûtenpost; Repertoire: 024095;
-11-1-1896: in hûs mei hiem; keaper: Johannes Huizinga te Bûtenpost; keapsom: f 2.225,00; notaris: as boppe;
-10-3-1914: lânbougrûn te Bûtenpost; keapsom: f 965,00; ferkeaper: Wiebe Hazenberg te Bûtenpost; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-17-10-1914: lânbougrûn yn ’e Harkema-Opein; ûnderskate ferkeapers; keapsom: f 360,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-2-11-1914: perselen grûn te Bûtenpost; ferkeaper: Albert Velding te Bûtenpost; keapsom: f 10.700,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-30-1-1915: hûs, hiem en grûn te Stiensgea; keaper: Herman Pieters Bouius te Stiensgea; keapsom: f 3.600,00; notaris: Anthony Marinus Harterink te Stiensgea; Repertoire: 006107;
-10-12-1915; boargerhûs mei hiem en grûn; keaper: Roel Klazes Zijlstra te Drachtster Kompenije; keapsom: f 5.050,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;

-7-10-1916: hûs en grûn yn ’e Harkema-Opein; ferkeaper: Auke Pitstra yn ’e Harkema; keapsom: f 550,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 006127;
-16-12-1919: de famylje fan Poke Sjoerds ferkeapet lân te Bûtenpost oan seis ûnderskate keapers; totale keapsom: f 9.918,00; notaris: Anthony Marinus Harterink te Stiensgea; Repertoire: 006127; aktenr: 01330.

Popke Sjoerds as skuldeasker
29-5-1895: skuldner: Gerhardus Heinink te Bûtenpost; skuld: f 1.000,00; notaris: Gerrit de Jong Posthumus te Bûtenpost; Repertoire 024095
;
-5-9-1910: skuldner: Jan Ottens te Bûtenpost; skuld: f 300,00; notrais: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114
Popke Sjoerds as skuldner
13-8-1897: skuldeasker: Sjoerd Idzerda te Huzum; skuld: f 1.000,00; notaris: Andries Andringa te Ljouwert; Repertoire: 079123.

B29

Nieuwsblad van Friesland – Hepkema’s Courant, 26-11-1918


De Standaard, 9-11-1935
Popke Sjoerds wurdt betocht yn it tydskrift De Spiegel, wykblêd foar it Kristlik Gesin,
14-12-1918.

(Boarne yllustraasje: Mattie Bruining-Hoeksma)
Titelside – De aarde is des Heeren, Waar en Klaar;
De Spiegel, blêd foar de hele húshâlding, is modern foar dy tiid troch de rynske yllustraasjes en aktuele wrâldbespegelingen.
(Boarne yllustraasje: Mattie Bruining-Hoeksma)
Bakker-grêven te Bûtenpost, foaroan
Sarken fan Dieuwke Althuisius
en Popke Sjoerds Bakker

TER GEDACHTENIS / AAN ONZEN GELIEFDEN / MOEDER EN GROOTMOEDER / DIEUWKE ALTHUISIUS / GEBOREN 12 AUG. 1855 / TE WOUDSEND / OVERL. 6 NOV. 1935 / TE BUITENPOST / WEDUWE VAN P.S. BAKKER. /
WIE OP DEN HEERE VERTROUWEN, / ZIJN ALS DE BERG SION, DIE NIET / WANKELT. /
Ps 125 : 1.

TER GEDACHTENIS AAN / AAN ONZEN / GELIEFDEN MAN EN VADER / P.S. BAKKER / GEBOREN 5 JULI 1853 / TE LANGWEER / OVERL. 25 NOV. 1918 / TE BUITENPOST. / ECHTGENOOT VAN / D. ALTHUISIUS /
DANKENDE DEN VADER / DIE ONS BEKWAAM GEMAAKT HEEFT, / OM DEEL TE HEBBEN IN DE ERVE DER / HEILIGEN IN HET LICHT. / DIE ONS GETROKKEN HEEFT UIT DE / MACHT DER DUISTERNIS; / EN OVERGEZET HEEFT IN HET / KONINKRIJK VAN DEN ZOON ZIJNER / LIEFDE. /
COLL. 1 : 12 EN 13.


Klik foar ynhâld >>

Bern fan Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Dirks Althuisius

Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Durks Althuisius mei sechstjin fan har santjin bern;
yn 1883 komt der in deaberne jonkje en de earste Neeltsje fan 1890 wurdt twa moanne.
Fan links nei rjochts, boppeste rige: Wieke, Mient, Durkje, Albert en Idske;
middelste rige: Durk, Afke, Sjoerd, mem, heit, Pyt en Lammert;
ûnderste rige: Sikke, Bram, Paul en Neeltsje

VII.1 Pietertje Bakker (Pyt) * Langwar 4-2-1876 † Ljouwert, wenjend te Bûtenpost, 8-2-1939, 63 jier, [] Bûtenpost; hoedmodiste te Bûtenpost en Kollum; kommisaris N.V. Handelsvereeniging P.S. Bakker


Pyt Bakker, string en prinsipieel; hat lêst fan rimmetyk, is krebintich en hat in soad lêst. Se sjocht ta op ’e foarderingen fan har muoikesizzers: se helpt by it húswurk en oerheart. B49
Har oare haadsaak is it fabrisearen fan huodden foar P.S. Bakker, se is dêrneist kommissaris fan ’e firma. Opmerlik foar in frou yn dy tiid.

It steatlik Oude Kantoor te Bûtenpost
dêr’t Pyt Bakker regeart.
OA
Anno 2021, Pizzeria
Foto: Erfgoed Fundaasje

Klik foar ynhâld >>

VII.2 Aafke Bakker (Afke) * Langwar 27-8-1877 † Bûtenpost 15-11-1951, 64 jier, [] Bûtenpost; wennet yn 1899 en 1904 yn Kollum; dêr tuskenyn te Bûtenpost; by trouwen sûnder berop te Bûtenpost, ferfart dêrwei op 29-7-1909 nei Bierum; Afke hat as boargemastersfrou gâns garitative funksjes;
x Achtkars[elen 29-7-1909, 31 en 30 jier, Pier Eringa * Grins 13-6-1879 † Ljouwert, sikehûs, wenjend te Bûtenpost 10-7-1962, 83 jier, [] Bûtenpost; G; ûnderwizer; docht de Normaalskoalle te Snits; komt op 1-6-1898 út Wymbritseradiel yn Kollum (wennet by W. Glastra van Loon); komt op 31-1-1903 út Assen yn Kollum, is dêr mei-inoar fiif jier ûnderwizer; yn 1905 stapt er oer nei de gemeenteadministraasje; sûnt 1909 gemeentesekretaris fan Bierum; sûnt 1910 boargemaster fan Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde; sûnt 30-10-1917 idem fan Achtkarspelen, troch de besetter ôfset yn desimber 1941, nei de befrijing dêr noch in healjier boargemaster (hûsnrs Bûtenpost 117, 93 87); ûnderwiisbestjoerder (û.o. foarsitter fan de Margaretha de Heer-kweekskoalle te Ljouwert); tsjerkeriedslid; rom 25 jier foarsitter en eare-foarsitter fan de Verenigde Onderlinge Schadeverzekeringsmaatschappij Overeenkomst Toto Onderlinge Steun (O.T.O.S.); kolonel bûten tsjinst Lânwacht; haad Bescherming Bevolking Kring Fryslân; offisier yn ’e Oarder fan Oranje-Nassau; nei him is de Eringaleane neamd; sn fan Pier Piers Eringa, yn 1878 teologystudint wenjend te Spannum, grifformeard dûmeny te Wâlterswâld, Burdaard, Gau en Goaiïngea, en Ruurdje Sjoerds Boschma
Oannommen bern:
Maaike Bakker, sjoch VIII.9

Friesch Dablad en Leeuwarder Courant, 17-11-1951

Afke Bakker en Pier Eringa lizze begroeven op it Nij begraafplak oan ’e Kuiperswei te Bûtenpost.
Grêfskrift:

PIER ERINGA / GEB. 13 JUNI 1870 / GEST. 10 JULI 1962. / BURGEMEESTER VAN ACHTKARSPELEN / 1917-1945 /EN ZIJN ECHTGENOTE / AFKE BAKKER / GEB. 27 AUG. 1877 / OVERL. 15 APRIL 1951 /
WIJ ZULLEN HEM ZIEN / GELIJK HIJ IS / 1 JOH. 3:2 /

Klik foar ynhâld >>

VII.3 Sjoerd Bakker * Langwar 8-2-1879 † Bussum, Meerweg 4, 22-2-1924, 45 jier, [] Bussum, Algemene Begraafplaats; manufakturier te Bûtenpost, by trouwen te Kollum (hûsnr B12); yn 1906 reizger te Huzum; yn 1909 dêr assuradeur en makelder; direkteur N.V. Dagblad en Drukkerij De De Standaard; warber yn it Nederlandsch Jongelings Verbond en de A.R.P. , skathâlder fan it Millioen-fonds fan ’e A.R.P.; hy arbeidet op mei Abraham Kuyper en de lêste twa jier fan syn koarte libben mei Hendrik Colijn;
x Ljouwert 27-7-1905, 26 en 27 jier, Geertrui Visser * Reitsum 19-2-1878 † Bussum 24-7-1945, 67 jier, [] Bussum, Algemene Begraafplaats; by trouwen sûnder berop te Huzum; dr fan Lambertus Jozef Visser, skoallehaad te Reitsum en Bûtenpost, en Haikje Annes Idzerda
Seis bern, ûnder oaren:
4 Lambertus Jozef Bakker
(Bert) * Huzum 3-4-1912 † Ilpendam 19-9-1969, 57 jier, [] Bussum, Algemene Begraafplaats; útjouwer Bert Bakker;
Bert Bakker x 1 Elisabeth Hermina van Nood (Ella) * Alphen aan den Rijn 31-12-1914 † Den Haach 26-3-2005, 90 jier, [] Wassenaar; dr fan Abraham van Nood en Gerritdina Vlasveld;
Elisabeth x 2 Roeland Koning * Amsterdam 5-8-1898 † Wassenaar 9-3-1985, 86 jier; grafikus, glês-, muorre- en keunstskilder, tekener; sn fan Roeland Koning, masjinist en wurktúchkundige, en Cornelia de Looper
Roeland x 1 Hermina Dina Alida Bloemen; tillefoaniste;
Bert Bakker wennet sûnt 1947 en is troud yn 1950 mei Johanna Victorina Christina Hefting * Utrecht 2-8-1905 † Den Haach 23-8-1993, 88 jier; keunsthistoarikus; dir Haags Gemeentemuseum

VII.4 Idske Bakker (neamd Id, Ids) * Langwar 13-7-1880 † Grins, Menno Lutterhuis, 13-1-1969, 88 jier, [] Bûtenpost; meiwurkster P.S. Bakker Bûtenpost

Ids Bakker, in gesellige tante, op har draait de húshâlding. B50

Bûtenpost, links Het Oude Kantoor, dêr’t Pyt, Id en Hindrik de firma P.S. Bakker krudeniere en manufaktueriere.
OA
Trouw, 14 -1-1969
Psalm 17:8
Maar, blij vooruitzicht, dat mij streelt,
Ik zal, ontwaakt, Uw lof ontvouwen;
U in gerechtigheid aanschouwen;
Verzadigd met Uw Goddlijk beeld.

Klik foar ynhâld >>

VII.5 Wiebigje Bakker (neamd Wieke; ek wol skreaun as: Wiebegje) * Langwar 15-11-1881 † Rotterdam, Huize Borgsate, 8-10-1977, 95 jier; ferhuzet op 30-12-1907 út Bûtenpost nei Kollum, dêrwei op 6-10-1908 nei Bûtenpost, dêrwei op 1-1-1909 nei Rotterdam; by trouwen sûnder berop te Bûtenpost;
x Achtkarspelen 1-1-1909, 27 en 28 jier, Sjoerd Eringa * Grins 7-9-1880 † Rotterdam 31-1-1945, 64 jier; ûnderwizer te Schoonhoven; 1899 tot 1903 ûnderwizer Kristlike Skoalle It Hearrenfean; 1903-1905 learaar Ingels ULO Leiden; sûnt 1-0-1905 learaar Grifformeard Marnix Gymnasium Rotterdam en de earste Kristlike H.B.S. (Hogere Burger School) fan Nederlân te Rotterdam, sûnt 1916 dêr ûnderdirekteur; dosint School voor Taal- en Letterkunde Den Haach; privaatdosint; promoveart yn ’e Frânse Letterkunde oan ’e Sorbonne te Parys; bekroane mei de Prix de langue française; 1922 lid Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde; lid Utrechtsche Genootschap voor Kunsten en Wetenschappen; lid Friesch Genootschap van Geschiedenis, Oudheid- en Taalkunde; lid Gezelschap van Christelijke historici; broer fan Pier (VI.2)
Sjoch oer Wieke Bakker: Ik ben van Elf, side 116.
Sjoch, foar Eringa syn publikaasjes: Mij der Ned. Letterkunde – Sjoerd Eringa
Fiif bern, ûnder oaren:
2 Dieuwke Idske Eringa
* Rotterdam 9-7-1911 † 2003; learares Frâns en skriuwster û.o. fan dichtbondels en de autobiografy Ik ben van elf, dêr’t Popke en Sjoerd Bakker yn optrede;
x -7-1939, skieding -12-1957, Arie Bouman * Rotterdam 16-1-1911 † 1999; jurist; organolooch (stúdzje û.o. by oargelbouwer Van der Kley te Rotterdam, fierders autodidakt); adviseur oargelbou; sekretaris Nederlandsche Klokken- en Orgelraad (NKO); lid Rijkscommissie van Advies voor Kerkorgels; publiseart Orgels in Nederland, bewurker Orgelbouwkunde fan A.P. Oosterhof; sn fan Pieter Bastiaan Bouman, advokaat en prokureur te Rotterdam, en Cornelia Sara Flesch

Nieuwe Rotterdamsche Courant en Volkskrant,
11-10-1977


VII.7 Dirkje Bakker * Langwar 28-2-1884 † Bûtenpost 21-1-1963, 78 jier, [] Bûtenpost; ferfart op 27-6-1904 út Bûtenpost nei Kollum, ferhuzet dêrwei op 31-12-1907 nei Bûtenpost; by trouwen dêr sûnder berop;
x Achtkarspelen 27-2-1908, 23 en 32 jier, Cornelis van Mourik * Culemborg 15-7-1875 † Bûtenpost 23-5-1938, 62 jier, [] Bûtenpost; grifformeard dûmeny, yn 1908 te Hollum, it Amelân, yn 1912 te Twizelerheide, sûnt 4-3-1923 oant 30-9-1937 te Thesinge, gemeente Ten Boer, Grinslân; sn fan Alexander Hendrik van Mourik, skoallehaad te Culemborg, en Johanna Reiniera van den Berg
Njoggen bern

Trouw, 23-1-1963.
Psalm 103:1 en 2:
1 Een psalm van David. Loof den HEERE, mijn ziel, en al wat binnen in mij is, Zijn heiligen Naam.
2 Loof den HEERE, mijn ziel, en vergeet geen van Zijn weldaden
.
Trouw, 23-1-1963
Friesch Dagblad, 25-5-1938.
Joh. 5:24
Voorwaar, voorwaar zeg Ik u: Die Mijn woord hoort, en gelooft Hem, Die Mij gezonden heeft, die heeft het eeuwige leven, en komt niet in de verdoemenis, maar is uit den dood overgegaan in het leven.

Klik foar ynhâld >>

VII.8 Durk Miente Bakker * Langwar 28-8-1885 † Grins, A-Kerkhof 11A, 23-10-1969, 84 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuiperswei; ferhuzet op 24-7-1906 út Bûtenpost nei Kollum; ferfart op 27-2-1928 út Bûtenpost nei Hollum, op ’t Amelân; by trouwen manufakturier te Ljouwert; keapman yn tekstyl, by P.S. Bakker te Bûtenpost, yn 1921 idem by it filiaal te Grins;
x Kollumerlân 13-4-1920, 34 en 24 jier, Sijke Pieters Dijk * Ingwierrum 27-12-1895 † Grins 7-3-1973, 77 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak; by trouwen sûnder berop te Burum; dr fan Pieter Johannes Dijk, yn 1880 bakker te Burum, yn 1885 idem te Ingwierrum, en Beitske Franses Smeding, yn 1903 greidboeren te Burum.

Nei it ferstjerren fan Popke Sjoerds wurdt de
N.V. Handelsvereeniging P.S. Bakker oprjochte.
Direkteuren binne de soannen Durk Miente, Miente, Lammert en Sikke.
Leeuwarder Courant, 25-11-1918
DURK MIENTE BAKKER
GEB. 28 AUGUSTUS 1885
OVERL. 23 OCTOBER 1969
SIJKE BAKKER – DIJK
GEB. 27 DECEMBER 1895
OVERL. 7 MAART 1973
LOOFT DEN HERE MIJN ZIEL

VII.9 Albert Sjoerd Bakker * Langwar 5-4-1887 † Bûtenpost 8-4-1947, 60 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak; winkelman en drogist te Bûtenpost; agint American Petroleum Compagnie;
x Westdongeradiel 8-4-1920, 33 en 32 jier, Hedzerika van der Kooi * Nes, Westdongeradiel, 15-1-1888 † Bûtenpost 21-7-1869, 80 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak; by trouwen sûnder berop te Nes, de lêste seis moanne te Amsterdam; dr fan Jan Hedzers van der Kooi, yn 1880 bouboer te Eastrum, en Aaltje Gerrits Sinia, bouboeren te Nes

VII.10 Miente Bakker, folget VII.1

Klik foar ynhâld >>

VII.12 Lammert Bakker * Bûtenpost 3-3-1891 † Den Haach, Laan van Meerdervoort 314, 10-7-1950, 58 jier, [] Den Haach, Oud Eik en Duinen; ferhuzet op 25-9-1911 út Bûtenpost nei Ljouwert en wennet dêr yn by syn broer Miente en skoansuster Mine; dêr wurksum by P.S. Bakker; sûnt 1919 idem te Grins oan it A-Kerkhof 2; yn 1925, ’29 te Amsterdam, yn 1934 te Den Haach, dêr fertsjintwurdiger fan de Oxford-klean;
x Grins 28-12-1920, 29 en 32 jier, Egberdina Hendrika Kuitert * Grins 14-5-1888 † Den Haach 7-4-1979, 90 jier; dr fan Reinder Kuitert, masinefabrikant te Grins, en IJkje Buning
Fiif bern

Trouw, 11-4-1979

Lammert Bakker runt P.S. Bakker sûnt 1919 te Grins, omstrings 1925 te Amsterdam.


P.S. Bakker nimt de romte op ’e advertinsjeside.
Provinciale Drentsche en Asser Courant,
22-3-1919

Provinciale Drentsche
en Asser Courant,
6-5-1919

Provinciale Drentsche en Asser Courant,
6-6-1919

Leeuwarder Courant,
27-3-1919

Leeuwarder Courant,
10-9-1919

Klik foar ynhâld >>


VII.13 Neeltje Bakker * Bûtenpost 31-1-1893 † Grins 14-1-1982, Canadalaan 51, 88 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuperswei; ferhuzet op 3-10-1908 út Bûtenpost nei Kollum en dêrwei op 11-5-1909 nei Bûtenpost; by trouwen dêr sûnder berop, de lêste seis moanne foar har houlik te Ljouwert;
x Achtkarspelen 22-6-1920, 27 en 28 jier, Tæke Bakker * Kootwijkerbroek, gemeente Barneveld, Gelderlân, 28-4-1892 † Grins 8-1-1968, 75 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuiperswei; yn 1906 amtner gemeentesikretary fan Achtkarspelen; dêrnei twa jier idem te Leiden en fjouwer jier te Loosduinen; yn 1921 gemeente-administrateur te Den Haach, sûnt 1923 referindaris Gemeente Ljouwert, fan 7-8-1946 oant 1-5-1957 gemeentesekretaris Gemeente Ljouwert (wenje û.o. Alma Tademastrjitte, Pelikaanstrjitte); ûnderskate bestjoerlike funksjes, tsjerklik en maatskiplik, û.o. sekretaris fan it Grifformeard Gymnasium en foarsitter Christelijk Nationaal Schoolonderwijs;
sn fan Jan Tækes Bakker, yn 1891 ûnderwizer te Gerkeskleaster, letter skoallehaad te Kootwijkerbroek, en Klaaske Goitzens Couperus.
Trije bern.

Tæke Bakker spilet in rol yn it Ljouwerter ferset mei de Oerfal op ’e gefangenis; ien fan ’e bruorren Wierda, Egbert Mark, sliept by har as der op 8 april 1945 in razzia komt; de jonge flechtet yn pyjama en oerjas de dyk op en wurdt arresteard.

Trouw, 15-1-1982
Trouw, 15-1-1982

Rou-advertinsjes Neeltje Bakker

Leeuwarder Courant, 9-1-1968
Leeuwarder Courant en Trouw, 10-1-1968

Rou-advertinsjes Tæke Bakker

TAEKE BAKKER
*28 APRIL 1892
† 8 JANUARI 1968
NEELTJE BAKKER
* 31 JANUARI 1893
† 14 JANUARI 1982
MIJN VREDE GEEF IK U

VII.14 Sikke Bakker * Bûtenpost 15-4-1894 † Ljouwert, Heerenwaltje 6, 4-4-1950, 55 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; ferhuzet op 27-6-1904 út Bûtenpost nei Kollum en dêrwei op 11-12-1905 nei Bûtenpost; by trouwen dêr keapman yn tekstyl, sûnt 1933 behearder, letter direkteur P.S. Bakker te Ljouwert;
x Achtkarspelen 12-8-1932, 38 en 34 jier, Lucia Willelmina van der Kluft (Lucie) * Kollum 1-3-1894 † Ljouwert 12-11-1991, 93 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; by trouwen sûnder berop te Ljouwert, sûnt wurksum yn ’e moade by P.S. Bakker te Ljouwert; fertsjintwurdichster direksje en kommisarissen P.S. Bakker; dr fan Klaas Feikes van der Kluft, timmerman te Kollum, en Luukje Luyes Stokroos
Twa bern

Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant, 5-4-1950

Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant, 5-4-1950
Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant, 6-4-1950
Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant en Trouw, 16-11-1991.
Psalm 121:1-2
Ik hef mijn ogen op naar de bergen: vanwaar zal mijn hulp komen?

Mijn hulp is van de Here, die hemel en aarde gemaakt heeft.

Klik foar ynhâld >>


VII.15 Hendrik Bakker * Bûtenpost 1-8-1896 † dêr 9-7-1961, 64 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak oan ’e Kuiperswei; krudenier te Bûtenpost, mei syn suster Idske; by ferstjerren sûnder berop

Hendrik Bakker hat yn syn jongereinjierren de Sint Vitusdûns skipe: chorea minor. As bern wurdt er nachts op in planke fêstbûn, want hy sit oantangele mei spasmen, dy hat er as man noch. Hy is wat beheind yn ’e holle. By syn broer Albert hat er yn ’e krudenierswinkel in eigen ôfdieling smokerij. B50

Trouw, 11-7-1961
Grêven fan Hendrik en Idske Bakker

§ TSJERKEBOARTSJE
Tsjerkegong is in fanselssprekkend fûneminteel elemint yn it otterdoks-kalvinistysk bestean. Dieuwke Althusius har lêste sucht giet oer de preek dy’t se krekt yn har delgean litten hat. Sjoch: § SWIER
Dieuwke hat trouwens ûnder har hûnderten foarâlden yn ’e 17de en 18de iu twa dûmenys: Johannes Althuisius yn ’e Gaastmar en syn heit Johannes Althuisius te Dearsum, sjoch: Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius, nrs 64 en 128.
Yn ’e advertinsje hjirboppe wurdt memoreard dat Dieuwke har fromme soan Hindrik Bakker in oere nei syn lêste tsjerkegong opgiet.

It sit djip.
Otterdokse kalvinistyske berntsjes meie graach tsjerkeboartsje. Allegear lytse dûmenys yn spee. Sa ek de Bakkerkes. De geskiktste opsprekker beklimt in pear opsteapele ierdappelkistjes dy’t tsjinje as de houten broek en hâldt in preek dêr’t mannich predikant net oan takomt. Syn gehoar sjongt de psalmen en de tolve Eenige Gezangen út folle boartskes en it bidt sa deemoedich dat de âlden dy’t om ’e hoeke kypje harsels fergrieme.
Ek begraffenisssen wurde plechtich yn it deaserieuze wurk opnommen. It lykje – in deafûn fûgeltsje, in opblaasde kikkert of noch better in rûkende kroandeade siperse swerfkat fan dagen lyn – wurdt op sachte wite watten delflijd yn it swart bewurke kartonnen kistke. Soms ek noch mei in moai selsmakke roukrânske derop, wat oars net des femilys is. In pipermuntsje moat de bern ûntbrekke, mar mei staasje wurdt it bistke biddendewei oan de ierde tabetroud. De buorlju kinne der tsjûge fan wêze, se ha in dei foar de lykbesoarging yn bernehanskrift in wiere roubrief taskikt krigen.

It sit djip, dat it komt der wer út.
Albert Bakker (VIII.5) kin it likemin litte as er as jongfeint de befrijing fiert, yn ’t kantoar fan Vrij Nederland op ’e tafel springt en yn koart bestek in freugdefolle preek oanfangt.
Dy fassinaasje spilet ek Lammert Bakker (VIII.8) parten as er yn Kafee Reynders te Amsterdam boppe-op ’e taap steand fleskwurden karikatueren fan salvjende foargongers spilet en lallende stamgasten op syn hân hat.

Klik foar ynhâld >>


VII.16 Abraham Bakker (Bram, neamd nei Abraham Kuyper) * Bûtenpost 21-2-1897 † Meppel, Parklaan 3, 14-6-1957, 60 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuiperswei; stúdzje gymnasium te Rotterdam, wennet dan yn by syn suster Wieke en sweager Sjoerd Eringa; griffier Kantongerjocht te Assen; kantonrjochter te Meppel en Stienwyk; presidint-kommissaris N.V. Modemagazijn P.S. Bakker;
Bram Bakker wegeret in Joadse kollega dy’t ûntslein is op te folgjen en dûkt ûnder. De Dútsers arresteare syn frou en bern. Nei protesten fan notabelen wurde dy frijlitten, ûnderwilens is har hûs plundere.
x Amsterdam 28-3-1929, 32 en 23 jier, Henderika Egberdina Dik (Riek) * Amsterdam 4-3-1906 † dêr 29-7-2001, 95 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuiperswei; dr fan Egbert Hendriks Dik, keapman te Amsterdam, en Jantje Jacobs Hoolsema
Acht bern

Trouw, 9-6-1956
Trouw, 9-6-1956
MR. ABRAHAM BAKKER /
* 21 FEBR. 1897 / † 14 JUNI 1957 /
WELZALIG ZIJ DIE HET RECHT / ONDERHOUDEN TE ALLEN TIJDE / GERECHTIGHEID DOEN /
HENDERIKA EGBERDINA /
BAKKER-DIK /
* 4 MAART 1906 / † 29JULI 2001 /

De tekst is út Psalm 106 : 3

VII.17 Stefanus Johannes Paul Bakker (Paul, neamd nei Paul Krüger) * Bûtenpost 12-2-1900 † Zaandam 9-2-1945, fusilleard, 44 jier, [] herbegroeven Earebegraafplak Overveen, Bloemendaal (offisjele iepening op 27-11-1945); gymnasium te Rotterdam, wennet dan by syn suster Wiebigje en sweager Sjoerd Eringa; stúdzje Ekonomy Hannelshegeskoalle te Rotterdam; direkteur De Standaard; eigner Drukkerij S.J.P. Bakker oan ’e Lijnbaansgracht, û.o. printer fan ‘e yllegale blêden Trouw en Vrij Nederland, fan ’e Lunterse Kring en ûnder oaren fan ’e brief oan generaal F. Christiansen, skreaun troch Henk van Randwijk (B167) en Koos Vorrink; de yllegale blêden komme op mikrofilm en wurde fia Switserlân nei de regearing yn Londen smokkele; B192; publiseart û.o. yn 1944 Geslagen en verbonden, preken fan ds Tæke Ferwerda B264;
x Achtkarspelen 12-8-1926, 26 en 25 jier, Cornelia Houtman * Schiedam 21-4-1901 † Badhoevedorp, Huize Uitzicht, 28-10-1979, 78 jier, [kremeard]; dr fan Cornelis Houtman, distillateur te Schiedam, en Maria Alida Johanna Bernordt
Fiif bern
Sjoch:
Bakker, S.J.P.– Slachtoffers WO2
Earebegraafplak Bloemendaal
Op Paul Bakker syn tinkstien op it Earebegraafplak te Bloemendaal stiet:
Wees getrouw tot den dood,
en Ik zal u geven de kroon des levens.

Iepenbiering 2 : 10.
B306

Trouw, 30-10-1979.
2 Corinthiërs 4:16
Daarom verliezen wij de moed niet;
integendeel, ook al vergaat onze uiterlijke mens,
toch wordt de innerlijke mens van dag tot dag vernieuwd.
Trouw, 30-10-1979

Klik foar ynhâld >>

§ JELTINGAHÛS
Op 9-4-1914 keapet Popke Bakker Jeltingahûs mei tún, hôf, hiem en grûn foar ôfbraak. De lêste bewenner fan dat hearehûs is Antje Louws Sikkama (* Bûtenpost 15-2-1848 † dêr 16-6-1913, 65 jier), widdo fan Jacob Durks Kuipers * Bûtenpost 2-6-1841 † dêr 19-9-1906, 65 jier), heareboerinne en -boer te Bûtenpost. Hja en har man litte de filla yn 1877 sette mei koetshûs en stâlen. Antsje wol by testamint ha dat it hûs – dan neamd it Kuipersslot – nei har ferstjerren ôfbrutsen wurdt. Sy en har man hawwe gjin bern en har man hat deilis mei notabelen út it doarp. Mar ôfbraak griist Popke oan en hy komt der ûnderút trochdat de ôfbraakdatum net fêststeld is.
Hy keapet it hûs en hoarnleger fan Antsje har muoikesizzer Elsje Diderica Hellema en dy skynt mei it net-ôfbrekken akkoart gongen te wêzen. Elsje is in dochter fan Voske Kuipers en Willem Hellema, 1869-1877 boargemaster fan Achtkarspelen, foarrinner fan Pier Eringa. Voske is in suster fan Jacob Kuipers
.
Nei dit begoedige slachte fan houtkeapers en eigenerfde boeren is de Kuiperswei neamd.

Yn ’e keapakte fan 9 april 1914 wurdt de keapsom neamd fan f 3.063,00; in oare boarne jout op dat Popke alles mei-inoar foar f 12.491,00 keapet – de perselen en grûn oan ’e Stasjonswei foar f 10.700,00 en it hûs en de Kûpel (dy’t earder yn ’e tún fan Haersma State stie) foar f 1.791,00.

Jeltingahûs yn ’e tiid as de famylje Kuipers dêr wennet en it stee Kuipersslot neamd wurdt.
Foto: Stichting Oud Achtkarspelen
It Kuipersslot yn 1907
OA
Famylje Kuipers yn ’e tún fan har Kuipersslot.
OA
Jeltingahûs yn 2021.
Pier Eringa ferkeapet it yn 1959 oan ’e Gemeente Achtkarspelen en sûnt 1961 is it Gemeentehûs.
Links achter yn it eardere appel, parre- en beiehôf de nijbou fan it Gemeentekantoar.
Foto: Rijksmonumenten

Sjoch:
Jeltingahûs
Antje Louws Sikkama
Willem Hellema
Genealogy Hellema VI.6

Klik foar ynhâld >>

GENERAASJE VII
VII.10 Miente Popkes Bakker (Mient) * Langwar 5-4-1888 † Ljouwert, Europaplein 40-F, 19-9-1975, 87 jier, [] Huzum, Ofdieling III, rigel 12, grêf 2; ferhuzet op 29-8-1899 út Bûtenpost nei Kollum en dêrwei op 3-4-1902 nei Bûtenpost; by trouwen dêr keapman, dat betsjut dat er yn ’e saak P.S. Bakker as sadanich fungeart; sûnt 1-6-1911 te Ljouwert, dêr mei-direkteur moadesaak P.S. Bakker, wenjend Nijstêd G70, 84-boppe, Van Swietenstrjitte 9; sûnt 1932 fersekeringsagint, 1933 ynspekteur by Amstleven – de Amsterdamsche Maatschappij van Levensverzekering; assuradeur; tsjerkeriedslid; foarsitter Keamer fan Keaphannel te Ljouwert;
x 1 Menameradiel 18-5-1911, 23 en 22 jier, (se trouwe tagelyk mei Mine har suster Anne en Gerben Reimers Brouwer; tsjûgen binne Arjen en Doekele Dirks van der Schaaf, bruorren fan Mine, en Sjoerd Popkes Bakker en Pier Piers Eringa, broer en sweager fan Miente), Trijntje Dirks van der Schaaf (Mine) * Bitgummole 2-11-1888 † Ljouwert, Van Swietenstrjitte 9, 18-9-1925, 36 jier, [] Huzum, Ofdieling III rigel 12, grêf 2; by trouwen sûnder berop te Bitgummole, stiet m.y.f. 9-6-1911 ynskreaun te Ljouwert; dr fan Dirk Arjens van der Schaaf, bouboer en ierdappelkeapman te Bitgummole, tsjerkeriedslid, lid Burgerlijk Armenbestuur fan Menameradiel, bestjoerslid wetterskippen, en Baukje Doekeles de Boer;

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is image-3.png
Mient Bakker en Mine van der Schaaf.
Mient en Mine komme yn ’e Skrâns te Huzum yn ’e kunde by
Mient syn broer Sjoerd Popkes Bakker en Mine har broer Doekele Durks van der Schaaf,
de earste keapman yn moade, de twadde ierdappelhanneler,
en beide grifformeard âlderling.
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje

Miente x 2 Eastdongeradiel 27-4-1937, 49 en 39 jier, Jeannette Steen * Ænjum 7-9-1898 † Ljouwert 25-7-1978, 79 jier, [] Huzum, Ofdieling III, rigel 12, grêf 2; 12,5 jier hantwurkûnderwizeres te Ænjum, wurksum by Amstleven; ferhuzet op 27-4-1937 út Ænjum (nr B275) nei Ljouwert; dr fan Gerrit Hendriks Steen, timmerman en oannimmer te Ænjum, 25 jier foarsitter A.R.P.-kiesferiening Eastdongeradiel, sekretaris/skathâlder federaasje fan timmerlju en oannimmers yn Fryslân, idem bouferiening De Rederij, redakteur fakblêd foar timmerlju, tsjerkeriedslid, lid Burgerlijk Armenbestuur fan Eastdongeradiel, en Trijntje Jans Fenenga

Bern út it earste boask:
1 Popke Sjoerd Bakker, folget VIII.1
2 Dirk Bakker, folget VIII.2
3 Sjoerd Bakker, folget VIII.3
4 Baukje Bakker, folget VIII.4
5 Albert Sjoerd Bakker, folget VIII.5
6 Dieuwke Bakker, folget VIII.6
7 Sjoeke Bakker, folget VIII.7
8 Lammert Bakker, folget VIII.8
9 Maaike Bakker, folget VIII.9
Bern út it twadde houlik:
10 Trijntje Janneke Bakker, folget VIII.10
11 Gerrit Hendrik Bakker, folget VIII.11
12 Sikke Bakker, folget VIII.12
13 Abraham Bakker, folget VIII.13


masterslider id=”121″]

Klik foar ynhâld >>

§ WAT IS YN IN NAMME
Miente wurdt meast yn famyljerfermidden Mient neamd. De namme komt fan Dominicus, dat is: ‘De Heare tabehearrende’, of: ‘Berne op ’e Dei des Hearen’. Dat lêste is by Miente net it gefal, hy is geboaren op in tongersdei. Miente Popkes Bakker is neamd nei syn omke Miente Durks Althuisius, dy’t achttjin jier wurdt.
De namme is ûnder de foarâlden oan no ta tebektraseard oant midden 16e iu, sjoch: Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius. 2/3.2 en fierder.

Trijntje komt fan Catharina, dat giet werom op it Grykske katharos, dat ‘rein, suver‘ betsjut; of op it Syryske kéthar, ‘kroan’.
Flaainammen foar Tryntsje binne: Nynke, Nine en Mine. Mine is ferneamd nei har muoike Trijntje Arjens van der Schaaf, sjoch: Uttreksel Stambeam Van der Schaaf, VIII.7.
Trijntje wie in heale iu lyn in populêre namme; neffens in nammeûndersyk yn Nederlân út 1947 stiet de namme dan op it trettjinde plak. Oarsaken fan tebekgong: ferneamen rekket út ’e moade en Tryntsje wurdt besjoen as ordinêr; Tine foldocht ek net mear, Tiny hâldt it likemin út.
Sjoch foar ferneaming in greep út Mine har foarâlden mei de namme Trijn: Forebears of Dirk Gerbens Brouwer, nûmers 12/13g, 25, 27, 52/53f, 107, 109, 124, 195, 1239, 1243.

Jeannette is fansels in rib út it liif fan Jan > Johannes > Hebriusk: Johanan, Jahweh is genedich.
Jeannette is wierskynlik ferneamd har âld-muoike Janneke Melles Fenenga ek neamd Janke, * Skiermuontseach 17-3-1822 † dêr 18-4-1900, 78 jier; winkelfrou (hûsnr 29K, Langestreek A27); dr fan Melle Jans Fenenga en Johanna Edzards Leensma, boeren op Skiermuontseach;
Janneke x Skier 25-1-1846, 26 en 23 jier, achternicht en -neef, Eltje Eltjes Visser * Skiermuontseach 13-9-1819 † wierskynlik ferdronken by Denemarken 1855, 35 jier, [seemansgrêf yn ’e weagen fan ’e Noardsee]; seeman, reder en kaptein op de kof ‘Trijntje’ (82 ton, boujier 1849); Eltje fart yn 1855 mei it kofskipDe Vrouw Janneke’ fan Tonnegen oan ’e Eider mei bestimming Amsterdam, mar besylt dy haven net en der komt gjin tynge (berjocht: Algemeene staat der Nederlandsche zeemagt, en koopvaardij-vloot); sn fan Eltje Jacobs Visser, skipper en seeman, en Trijntje Ruurds Fenenga.
Janneke is grif neamd nei har beppe Janneke Willems Ritsma * Skier 1767 † omstrings 1795; x Jan Melles Fenenga * Skier 1765 † dêr 1808, kuper, timmerman en arbeider > oeroerbeppe fan memmeskant: Janneke Pieters Carst (ek: Jancke) * Skier omstrings 1713 † dêr omstrings 1800, wennet oan ’e Nije Langestreek; x Lammert Harmens Drayer * Skier omstrings 1714 † dêr omstrings 1790.

Yn har neiste famyljerûnte wurdt Jeannette Nette neamd.
As Mient it mei har mient, seit er in kear: ‘Hoe stietst ynskreaun?’
Nette seit: ‘As Jeannette.’
‘Dan neam ik dy tenei Jeannette. Fyn ’k folle moaier.’

P.S. Bakker adverteart omraak, bygelyks yn septimber 1925 mei de winterkolleksje

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is image-29.png
Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant, 25-9-1925
Friesch Ddagblad en Leeuwarder Courant, 26-9-1925
Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant, 30-9-1925

§ MINE – MEM
Mine komt lykas Mient ek út in grutte húshâlding, se hat fiif susters: Bauk, Leen, Maaike, Sjo en Anne; en trije bruorren: Arjen, Doekele en Piter. Mine har mem ferstjert mei 53 jier, Mine is dan alve.
Se krijt al jong ferkearing mei Miente Bakker, fia grifformearde jongerein ‘meetings’. Se trouwe as se 22 en 23 binne, tagelyk mei Mine har neiste suster Anne en Gerben Reimers Brouwer, beide 25 jier.
Mine hat har draai yn ’e stêd, se hat in skat fan in man, in alderaardichste húshâlding en as dame fan Moadesaak P.S. Bakker mar in bêst plak. Se hâldt fan ’e gesellige stedsdrokte, mar sjocht ûnderwilens ek de earmoed yn ’e folksbuerten in hoannestap fan ’e foarname Nijstêd ôf. Se giet sa no en dan allinne der even op út om frij te wêzen fan ’e drokke húshâlding, se kin har kroast tebetrouwe oan ’e bernefaam.
B43
Nei de berte fan Maaike bliuwt se wurch en lusteleas. Ek as se siik is, kuieret se allinne troch de stêd. Soan Lammert fertelt dat se betiden sa’n pine hat oan ’e earms, dat se stokjes yn ’e lange mouwen draacht om de earms te ûndersteunen.
Mine hat boarstkanker en as se slimmer siik wurdt en mear pine krijt, wurdt se opnommen yn it Diakonessehûs te Ljouwert. Se hat dêr in dokter dy’t Mine ferklearret dat er net leaut. Mine is dêroer mei him op ’e tekst. Se nimme inoar yn fertrouwen. As Mine minder wurdt seit dokter har planút dat se net te genêzen is, dat is in wûnderlike fertroulikens tusken dokter en pasjint yn dy tiid.
Mient komt troch de doar en dokter seit: Uw vrouw weet dat ze sterven gaat. Mient seit neat en rint op Mine ta. Letter tinkt Mient dat dokter mooglik in bibelwurd of sa fan him ferwachte hie, of op syn minst wat stichteliks, wat bekearliks, hawar.
Mine seit: No sille wy lêze. Mient slacht biddend de Bibel iepen en sjocht op Jesaja 54:13:
En al uw kinderen zullen van den HEERE geleerd zijn, en de vrede uwer kinderen zal groot zijn.

Dit fers sille de bern meidrage. Sjoerd seit yn ’e dagen foar syn eksekúsje: ‘Ik dacht, die tekst is niet voor mij, maar hij is toch voor Sjoerd.’
Nei alle gedachten ek mei it each op de fersen dy’t folgje:
14 Gij zult door gerechtigheid bevestigd worden; wees verre van verdrukking, want gij zult niet vrezen; en verre van verschrikking, want zij zal tot u niet naken.
15 Ziet, zij zullen zich zekerlijk vergaderen, doch niet uit Mij; wie zich tegen u vergaderen zal, die zal om uwentwil vallen.
16 Zie, Ik heb den smid geschapen, die de kolen in het vuur opblaast, en die het instrument voortbrengt tot zijn werk; ook heb Ik den verderver geschapen, om te vernielen.
17 Alle instrument, dat tegen u bereid wordt, zal niet gelukken, en alle tong, die in het gericht tegen u opstaat, zult gij verdoemen; dit is de erve der knechten des HEEREN, en hun gerechtigheid is uit Mij, spreekt de HEERE.

Op Lammert syn begraffenis tsjûget Albert: ‘Moeder heeft ons deze tekst meegegeven en nu weet Lammert het ook weer.’


Klik foar ynhâld >>

§ FERSILLE SIELEN
As Mine yn 1925 mei 36 jier ferstjert, komme omkesizzers út Bitgummole om Mient te helpen: Jikke en Bauk Arjens van der Schaaf. Dat giet besteklik yn omkes betrouwen en gemiensumens, mar de fammen kinne dy njoggen jonge bern net oan. De faam en de bernefaam likemin. Mient besiket it mei húshâldsters. De iene is neffens him net goed foar de bern, de oare wol mei him trouwe. Hy kin it net útstean. Hy redendield mei sweager Gerben en Anne, en nimt it pynlik beslút om de bern foarlopich by famyljeleden ûnder te bringen.

Trijntje van der Schaaf – Mine – Mem.
Dit portret hinget libbensgrut yn ’e keamer yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte
as Mient Bakker de húshâlding nei jierren fan diaspoara mei syn bern wer opset.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert

Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje

By beppe Dieuwke fan 75 komme Popke fan trettjin, Albert fan sân, Dieuwke fan seis en Sjoeke fan fjouwer; De lytse poppe Maaike wurdt as oannommen bern opnommen troch tante Afke en oom Pier Eringa, dy’t yn ’e oare helte fan it Jeltingahûs wenje; Durk fan tolve komt dêr ek. Sjoerd fan alve komt even by muoike Anne van der Schaaf en omke Gerben Reimers Brouwer bouboeren op Nij Fellingwurd ûnder Bitgum en dan by syn omke Arjen van der Schaaf, bouboer en ierdappelkeapman, en muoike Tryntsje Sybrens van Tuinen te Bitgummole. Lammert giet nei muoike Leen en omke Jan Seerps Bruinsma, bouboeren ûnder Mullum, Baukje nei tante Wieke en oom Sjoerd Eringa oan ’e Bergselaan te Rotterdam; yn septimber1928 komt Durk dêr ek út Bûtenpost wei om nei it Marnix Gymnasium ta.
B49
Mient betellet foar alle bern kost en ynwenning. Hy is heit op ôfstân, mar belooft dat hy der altyd foar har wêze sil. En dat komt út, ek troch wiidweidige briefwiksel oer it deistich wjerfarren, de skoalleresultaten, klean dy’t se noarich hawwe. En hy siket se op, bygelyks yn ’e fakânsjes.

As er in kear yn in simmerfakânsje op Jeltingahûs is, nimt Durk – de jonge is dan fjirtjin – him yn fertrouwen en fertelt dat er him ‘oars’ fielt, dat er foar jonges mear fielt as foar famkes, hy fielt him der ûngelukkich ûnder en soms iensum. Mient wit wat Durk te wachtsjen stean kin, Durk kin op heit syn stipe en lojaliteit rekkenje.
B61

Durk syn jongere broer Sjoerd ûndekt dat er ‘oars’ is as er sechstjin is en Lammert wit it mei tolve jier. Lammert hat in soad stipe oan Sjoerd en Albert. Lammert tinkt dat er om syn oarswêzen yn ’e hel komt. Dat wurdt it jonkje troch de gûgemeente ynwreaun. Sjoerd kin him dat út ’e holle prate. De jonges nimme har foar dat se derom tinke dat se net opfalle en sereen libje sille. Sjoerd skriuwt oan Mient dat er net yn sûnde libje wol. Hy giet ek ûnder doktersbehanneling, sûnder resultaat – uteraard. Lammert hat yn syn folle letter libben jierren lang anonime lyflike omgong mei manlju.
B93, 215

Durk, Sjoerd, Albert en Lammert kinne mei har heit oer har wêzen redendiele, al is dy der betiden mei oan. Want o! homoseksualiteit is in grouwel yn ’e eagen fan it algemiene minskedom – al wurdt it wurd as sadanich ornaris net yn ’e mûle nommen. Se binne ’fan ’e ferkearde kant’ en yn ’e maatskippij wurdt ferwachte dat men hetero is en jin sa en sa gedrage sil, at je no konfesjoneel, liberaal of read binne. En syn Mannenbroeders roppe ommers: De swipe deroer! De eangst foar it oars wêzen sit djip bewoartele.
Dat de jonges dêr mei har heit yn dy tiid oer prate kinne, is heel wat. Mient keapet, folle letter yn 1961, De homosexuele naaste, in samling fan grifformearde dûmenys en heechleararen, yn dy rûnten oerhearsket oars stilwsijend in dogmatise doktrine. (A.L. Janse de Jonge, S.J. Ridderbos, M. Zeegers, Bosch & Keuning, Baarn, 1961).

Sjoerd is stamgast yn Kafee ’t Mandje oan ’e Zeedijk, dêr’t keunstners de loop ha en dêr ken er Willem Arondéus fan; se binne beide ek lid fan ’e Kunstenaarssociëteit De Kring oan it Kleine-Gartmanplantsoen. Sjoerd hat riten dat er behoarlik bang is foar de klearebare heteroterreur en mankelyk fanwegen syn seksuele aard. Ek Willem Arondéus, troch freonen Tiky neamd, tysket wol om mei ‘mijn wonderlijke hart’, mar it is foar him net in bedjerrende lêst en it begryp ‘in zonde leven’ ken er net. Hy komt gewoan foar syn homoseksualiteit út, mar dat is net gewoan, sels net yn ’e Amsterdamse fermiddens fan keunstners. Dat makket ek dizze minskesiel betiden tryst. Mar Willem is dryst, Sjoerd ek. Se wurde freonen yn de sin fan maten, en se meitsje der evensagoed fierders net in soad wurden om smoarch. Se hawwe wol oare dingen oan ’e holle as by snobben en fatsoensrakkers har rjocht befjochtsje. Sjoerd rekket troch Tiky yn it keunstnersferset fan homoseksuelen. B154.
Se sille tagelyk fusilleard wurde. Se krije yn 2021 beide in stroffelstien, Sjoerd yn ’e Vondelstrjitte 24 en Willem oan it Singel.

Mine van der Schaaf en Mient Bakker mei heit Durk Arjens van der Schaaf
middenmank broers, susters, skoansusters en sweagers, achter de pleats.
Fan links nei rjochts, steand: Arjen en syn frou Trijntje Sybrens van Tuinen; Sjoerd Hilbrands Bruinsma, man fan Baukje;

Jan Seerps Bruinsma, man fan Leentje; Anna Leenderts Runia en har man Doekele; Syne Wybes Nauta, man fan Maaike;
Pieter en syn frou Grietje Hayes Terpstra; Miente Popkes Bakker, man fan Trijntje; Gerben Reimers Brouwer en syn frou Antje;
Sjoerd Yebs Reitsma, man fan Sieuwke;
sittend: Baukje; Leentje; Maaike; Dirk; Trijntje en Sieuwke
.
Fotograaf: Obbema & De Bruin, Ljouwert.
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje

De âlderspleats fan Mine van der Schaaf oan ’e Alddyk te Bitgummole, sûnt 1963 J.H. van Aismawei 84

Klik foar ynhâld >>

§ GOLHERTICH EN HURD
De bern fan Miente út it twadde nêste beskôgje de bruorren en susters as omkes en muoike, fan de ierappelkant.
As Mient it mei Jeannette mient, gean se op toernee by de Van der Schaven lâns. Yn Bitgummole steane se foaroer skoansuster Tryntsje van Tuinen, sy is de frou fan Arjen Durks van der Schaaf, gerenommeard ierdappelkeapman en gemeenteriedslid foar de A.R.P. Se ha Sjoerd yn har hûs opnommen. En wa is Jeannette? Se wurde mar wat út hichte bejegene en wat kâld, se is sa’t skynt wat fan ’e te kâlde kant.
Jeannette seit tsjin Mient: Dit is no net geskikt. Mient set troch, se stappe twa doarren fierder nei Mines âlderlike pleats, dêr’t Piter en Gryt Terpstra buorkje. Gryt is ek noch net oan Jeannette ta.
Jeannette seit tsjin Mient: Ik wol hjir wei.
Mient seit: It moaiste ha ik foar it lêst bewarre. Se ride nei Anne en Gerben oan ’e Menamerdyk. Myn leave jonge! O Jeannette. Leave bern, Kom deryn.
In waarm bad, seit Jeannette letter.
Mar it hurd iis brekt. Tineke hat it fjoer ek wat opstookt en waarm holden.
Tineke: ‘Wy seagen se sa no en dan wol – de omkes en dy muoikes mei har ‘armen als billen en billen als kerkpilaren,’ sa’t ús Sikke sei.
Op ’e begraffenis fan ús mem smoarde it fan ’t Van der Schavefolk. Us Gerrit stie der fersteld fan dat elkenien my koe. Falt wat ta hear – kinne fan wat? – se seinen allegearre: Tine – sa wurd ik noait by namme neamd. Mar se knypten my yn ’e hân!

§ HOMO- EN BISEKSUALITEIT
De erfelike homo- en biseksualiteit yn ’e famyljes Bakker-Brouwer-Bruinsma-Van der Schaaf, komt út de Van der Schaven.
De njoggen bern fan Durk Arjens van der Schaaf en Baukje Doekeles de Boer binne nei alle gedachten sawat allegearre hetero. Mar fan har 54 folwoeksen bernsbern is de rûzing dat 15 homo- of biseksueel binne.

Dêrûnder dus fjouwer soannen fan Mine en Mient. 
Dat libbenslang tabû beswierret gâns leden fan ’e famylje. Net allinne de grifformearde doktrine, nee de hele mienskip is ferjûn fan iepentlike en ûndergrûnse homowearze.


In persoanlike noat
It docht my, as skriuwer fan dit famylje-epistel, parallel tinken oan myn sibbe Sjoerd Bakker (VIII.3), yn positive sin. Syn beppe Dieuwke (VI) hat wat in skalk each op Sjoerd syn eigensinnigens as er yn ’e serre fan Jeltingahûs keunstich omgiet mei lapkeguod. Mar beppe nimt Sjoerd dan toch mar sa’t er is – dêr oerwint de leafde allyksa.
Ik bin as tolvejierrich jonkje yn ’e serre op ’e Twa Damkes ris yn in hoekje op ’e divan yn ’e beage mei lapen stof, jern en kralen om dêr wat moais fan te meitsjen. Muoike Nynke skôget dat op in ôfstân mei misnûgen, út eigen ûnmacht, tink ik. Ik bliuw der kwazy oars noch oars ûnder en gean ûnfersteurber troch. Mar der is neat mear oan. Myn nije kreative ûntdekking is bedoarn. Wie ik ek mar in akseptabele echte jonge.
Dan skoot muoike ferfaarlik mei har foars maskulyn foarkommen fan ’e reiden leuningstoel nei my ta en systeret yn myn ear: Goasse asto sa trochgiest, dan begjinsto op in famke te lykjen.

Ik ha doe nei dat foarfal de keunst net daliks, mar letter wol oan ’e kant lein – en folwoeksener, de tried wer oppakt. It is twaslachtich: fan jongsôf oan wit ik net oars as dat ik famkes en jonges fysyk oantreklik fine kin, dêr wol ik ek lichaamlik wol mei konverseare; dêr ha ik inerlik gjin muoite mei, dat is it libben sels, it wurdt oan my iepenbiere yn al syn ferskiningen. Mar ik moat alle geduerigen op myn hoede wêze foar de bûtenwacht.
En ik ha it net stean op dy homofilen, dat binne foar my skrikbylden; ik stopje se yn myn tapasselike hokjes, mei izersterke foaroardielen en koartsichtige learstellingen. Myn puberaal eachweid rikt net fier, skept gjin romte: it binne òf ferwiifde, fulgêre, false oanstellers, òf eksintrike ûngelukkigen ta de dea. Minselike kreatueren fertekene, feroardiele ta karikatueren.
En mooglik wie muoike har driuwfear in ûnbehelprige barmhertigens neffens de tiid: dat har muoikesizzer bewarre bliuwe soe foar dy dekadinsje.

Muoike is sûnt har fjirtjinde net wei te slaan by har libbensfreondinne dêr’t se har hele leven mei wennet, se besliepe itselde bêd. As dy oare muoike, har twadde helte, ferstoarn is, sykje ik muoike twa kear wyks op yn it fersoargingshûs. Op har âlde dei yn ’e njoggentich stelt se fêst yn in bekennende fraach, op ’e nij flústerjend: Goasse, tinksto dat ik lesbys bin?

In miich út it achterlân begeart my as er fjirtjin is. Hy kin dat net foar him hâlde en uteret dat út syn hertstocht gjalperich dêr’t oaren tsjûge fan binne. Geastich – en gefaarlik. Hy kin amper fan my ôfbliuwe, ik war dat ôf.
Us lichem in timpel. As er dan syn gefoelens fuortstoppet en finaal foar de heterokant kiest, it feilich houlik oangiet, kin er it net litte om my mei geweld te belagen. De Koaning Alkohol wurdt in freon. Ik ha altiten in swak foar him hâlden. Ut hunkering nei kleare leafde wurdt by it minsdom dranksucht anneks agressy geboaren.
Dat skynt dan sa gean te kinnen: dy’t itsels binne, kinne ferkeare yn de fûleindichste homohaters. In gefaarlik meganisme – begripelik oantrekkelik, jin oare helte op ’e hûd – dat altyd opgong makket en fuortgong nimt. ’Homo’ is Anno No noch in feninich skelwurd. Ek yn it Amsterdam fan ’e Bakkers. Wat in ferademing dat betreklik bûtensteander Toni Boumans yn har boek de homoseksualiteit yn ús famylje frij ‘behannelet’.
Te Ljouwert, it berteplak fan ’e bern fan Mient en Mine, kinne manlju trouwens wol hân yn hân oer de Nijstêd rinne.

Freonskip
yn ferskaat
Omke Mient is in goede freon fan syn sweager, ús pake Gerben. In trochgonkelik besteand bestân.
Tineke Bakker: ‘Ja, vader en omke Gerben wienen sljocht mei-inoar. Ik wit wol seker dat se it ek oer dat ‘oars’ wêzen hân ha.’
Wêrom hat omke Mient it dan wol mei syn bern bepraat en pake Gerben heechst wiersynlik noait? In ferskil is dat Mient syn jonges der út harsels tsjin har heit oer begongen.
Tineke: ‘Ik tink ek dat omke Gerben mooglik út in soarte fan beskerming it swijen der ta die. At je homoseksueel wienen kamen je yn ’e hel, neffens de mienskip; soks leauden ús heit en omke Gerben fansels net. Se woenen beskermje; dy’t dan sogenaamd oars wienen waarden behune, ferstjitten. Je soenen wis en seker op alle fronten belies jaan moatte. Dat wie in net te winnen striid. Dan hat wat stiller wat better yn omke Gerben syn gemoed it beste west, minder slim as it alder-alderslimste. Al hoe pynlik ek.
Mar wy binne der noch lang net nee. Hjir yn Bûtenpost yn ’e Protestantse Kerk van Nederland wurdt in dûmeny beroppen dêr’t fan grute wurdt dat er homoseksueel is. Dat wurdt neirûn. En ja hear, dat is sa. Yn ’e tsjerkeried wurdt oppere dat soks helendal gjin beswier wêze mei. Mûnling wurdt stimd, de hannen omheech: allegear foar.

Dan komt de gemeente te witten dat de beroppen kandidaat in ‘flikker’ is.
Op ’e nij kediist de tsjerkerie, no mei sletten briefkes; allegearre tsjin.
Doe ha ik in brief op poaten skreaun. Dat wurdt je net yn tank ôfnommen.

Sjoerd wurdt yn 1942 troch de Grifformearde Tsjerke yn Amsterdam fan it Nachtmiel útsletten omdat er homoseksueel is. Hy wurdt der net útset. Mar Sjoerd is der doe sels útweibetiisd, mei tsjinsin. Grifformeard, is op dat stuit in fijân fan jesels, in skepsel Gods. Sjoerd stapt oer nei de herfoarmden; en dat hat er vader noait ferteld, om him net sear te dwaan.

Dat wie doe, dat gebeurt no net mear; mar krewearjen foar rjochtfeardigens bliuwt needsaak, dat bin ik ek oan Sjoerd, Albert en Lammert ferplichte. Hele folksstammen fine it noch net normaal, hingje noch oan dy stomme útlis fan Sodom en Gomorra. Mar dêr giet it helendal net oer leafde tusken minsken fan itselde geslacht, dêr wurdt oantaasting, ûnderdrukking en fernedering fan in meimins oan ’e kaak steld.
Ja, it is gelukkich normaal dat je leafhawwe, dat God je sa skepen hat. Lammert sei in kear: Ik hoef niet meer naar de hel, de hel heb ik gehad. En sa is dat. Lykwols, Lammert hat dêr oant lêst ta yn syn omwrâld swier mei sitten – en dan giet it mei jesels ek net goed. Lammert hie him sa knoeie litten, dat hy hie mar yn ’e kop dat gjinien fan him hold. Hy stie meardere kearen foar de selsmoard; gelukkich is er dêr foar bewarre, ek in kear troch ús Sikke as er foar de trein sil.
Sikke en Bram ha in soad oan him dien, en hy wie hjir ek gauris yn ’e opfang. Der waard wol grute dat de bern út it twadde nêst him mear heinden as dy út it earste. Mar ja, dy tôgen har beladen ferline mei.’
De ferslaving spilet Lammert op ’t lêst parten, hy flechtet; syn ‘oars’ wêzen hytfolget him. Hy hat in komise drank, en ek in kweade. As gids is er hyltyd minder nei ’t bûtenlân. Se jouwe him koarte rûnliedings, dy folbringt er treflik mei syn koartswilige slok op. Sikke hat him in kear sa fier, dat er yn ’e Jellinekklinyk sil, hy is krekt binnen en der hânsum wer út. Letter hâldt er it dêr wat langer fol, sûnder resultaat dat makket.’

As ik mei omke Arjen Brouwer in kear sit te redendielen oer drankgebrûk anneks fleislike mienskip fan man ta man – seks, dat freselik fulgêre wurk falt yn dizzen, it is net oars -, komt fan myn kant de homoseksualiteit fan omke Durk op ’t aljemint. Omke Arjen, hy is dan 92, hat dêr noait weet fan hân.
Wy hawwe as opslûpen jonges faak de loop by omke Sybren van der Schaaf om opmerksum kennis op te dwaan oer wat him yn ús libbens ôfspilet, mei iepen fizier. Wat ha ik faak tocht: No sis ik it. It is der noait fan kommen. Ik fiel mysels wol frij, mar de eangst dat it mishippe kin, is grutter.


Fertroulike simmerfakânsjes
De bern Bakker binne yn ’e simmerfakânsjes meast útfanhûs by ûnderskate omkes en muoikes. Sa hâlde Durk, Sjoerd, Albert en Lammert (VIII.2, 3, 5, 8) wer in kear fakânsje by har muoike Anne van der Schaaf en omke Gerben Brouwer op ’e pleats op ’e Menamerdyk ûnder Bitgum. Fijn dat se mei har fjouweren byinoar binne. De jonges sliepe yn ien keamer yn twa ledikanten deun foar inoar oer, ûnder swiere moltontekkens yn djippe sniewite kessens. It is fertroud.
De smûke keamer is betimmere troch neef Durk dy’t ek ‘sa’ is, dat fiele Popke en Durk al wol oan, mar dêr wurdt hjir net oer praat.
Lammert seit: ‘Jongens, ik moet jullie wat vertellen.’
Durk seit daliks: ‘Lammert we weten het al. Wij zijn het ook.’

Sjoerd seit: Je bent niet alleen.’
As Lammert in kear útfanhûs is by Roymer op ’e pleats oan ’e Westerdyk te St.-Jabik, ha wy it ek wer oer syn reizen en de wrakseling mei jinsels dy’t men nerges op ’e weareld út ’e wei gean kin. Lammert hellet in skreaun briefke út syn portefeuille foar ’t ljocht dat er krigen hat fan syn broer Albert, hy lêst oandien foar:


Die hoop moet al ons leed verzachten.
Komt, reisgenoten, ’t hoofd omhoog!
Voor hen, die ’t heil des Heren wachten,
zijn bergen vlak en zeeën droog.
O zaligheid, niet af te meten,
o vreugd, die alle smart verbant!
Daar is de vreemd‘lingschap vergeten,
En wij, wij zijn in ’t Vaderland!


Gesang 291

Sjoch:
-Arjen, Durk en Gerben Brouwer, Genealogy Brouwer 1 XV.2, XIV.1.2 en XIV.1
-Dirk Arjens van der Schaaf en Baukje Doekeles de Boer; Sybren van der Schaaf, Genealogy Van der Schaaf – VIII.2 en X.22



§ ALLEGEAR IN POALIS YN ’E BÛSE
Yn ’e krisisjierren krijt P.S. Bakker ek klappen. De lju ha op grutte skaal minder sinten ta har foldwaan. Ien fan ’e alderlêste útjeften is wol djoere maatklean. De grutte húshâlding fan Mient mei njoggen bern mei dy fan syn jongere broer Sikke, mei twa iters, kinne dêr net rojaal fan bestean. Mient en Sikke nimme it beslút dat Sikke syn takomst bout by P.S, Bakker en Mient oars omsjocht. Hy docht yn 1933 in smeet op ynspekteur by Amstleven – de Amsterdamsche Maatschappij van Levensverzekering – en dat slagget. In stevich ynkommen. Hy soarget dat de grutte skare Bakker en de Van der Schaven allegear in fikse poalis yn ’e bûse hawwe.
Tineke Bakker: ‘De fersekering dy’t ús heit it meast foldwaning jûn hat, wie ôfsletten by in neef Bakker dy’t tryst genôch jong stoar, mar de poalis gong oer op syn broers en susters en dêrtroch koenen dy stik foar stik fierder leare.’

Klik foar ynhâld >>

§ ÛNWRIKBER SOLIDÊR
De bern Bakker út it earste nêst binne neffens har healsuske Tineke ‘Unwrikber solidêr, se koenen hiel min sûnderinoar’.
En dat giet noait oer. (TB, LB)
Se stypje inoar dêr’t se kinne as hja fersille nei memmes dea te kampen krije mei in ferskuorrende ûnwennigens neiinoar ta. Allyksa yn it fertriet om Dieuwke har betiid ferstjerren amper út it kreambêd yn 1942 en Maaike har autoûngelok mei in Kanadese jeep yn 1945. De finzenisskip fan Durk yn it Oranje Hotel te Skeveningen en yn Kamp Amersfoort yn 1941, it fussilearen fan broer Sjoerd yn 1943, fan oom Paul en it deasjitten fan broer Popke yn 1945.
Dêroerhinne binne se ien en mien yn it ferset en drage de bruorren inoar yn it ‘oars’ wêzen.
B172

Mient bringt op 23 augustus 1934 de húshâlding wer byinoar, yn in grut hoekhûs oan ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62 te Ljouwert. It is in net te leauwen ferademing. In gouden tiid foar de bern, dy ha fuort in swide freonekring, dat it hûs is aloan fol jongfolk. In grut kontrast mei Mient syn solitêr bestean, hy sil omstean leare. En it kostet him jild as wetter.
Aldste Bauk bestjoerd mei har santjin jier – as wie se folleard – de keppel mei nocht en feardige hân. Bauk is ien dy’t libbenslang trou hâldt, sa siket se har tante Wieke Eringa-Bakker op ’e âlde dei ien kear yn ’e wike op.
Albert beoarderet nei de dea fan Durk de saken foar Trijntje en de bern en soarget derfoar dat dy fan it Singel ôf in plak op ’e Nassaukade krije.
Doe’t ik yn myn skieding lei, stienen de bern út it earste nêst as in muorre om my hinne. Albert regele wer alles, sadat it der foar top bystie. Myn eardere man sei: Als ik moet vloeken, roep ik: Bakker!
Us mem sei in kear fan Gerrit, Sikke, Bram en my tsjin heit: Dat dienen dyn earste bern krektsa. Ja Jeannet, al it goede ha se fan ’e Bakkers. O, mem en en heit wienen mâl mei ús allegearre.
By it ferstjerren fan ús mem rieden bûtensteanders in notaris oan om alles op te knappen. Binne je berûgele, seinen wy. Albert koe wer heel wat. It soe in moaie erfenis wurde, hienen wy inoar beloofd. By einberêding sei notaris: Het was een hele ingewikkelde erfenis met al die kinderen, maar het kon niet mooier.
Op dy manier eare je je âlden.’ (TB)

De Befrijing.
Kanadezen op har tanks foar P.S. Bakker te Bûtenpost.
Foar de Bakkers ûnwêzentlik.
OA
Friesch Dagblad, 18-9-1925
Friesch Dagblad, 19-9-1925
Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is image-26.png
Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant, 22-9-1975.
Mient ferstjert op 19-9-1975, Mine op 18-9-1925,
in ferskil fan 50 jier en ien dei.
Albert memoreart op syn heites begraffenis, de eagen op ’e himel rjochte:
‘Hemelse Vader, dank U voor deze aardse vader,

want een betere vader had u ons niet kunnen geven.’
Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant, 26-7-1978.
Psalm 23
1 In psalm fan David.
De Heare is myn hoeder; ik bin neat brek.
2 Hy lit my rêste yn griene lânsdouwen,
Hy fiert my sêftkes oan fredige wetters.
3 Hy ferkwikt myn siele,
Hy laat my yn it spoar fan ’e gerjochtichheid
om de wille fan syn namme.
4 Al gean ik ek yn in delling fan deadsskaad,
ik sil gjin kwea freezje, want Jo binne by my;
jins stok en Jins stêf fy fertreastigje my.
5 Jo meitsje my de tafel klear
foar de eagen fan myn tsjinstanners;
Jo salvje myn holle mei oalje, myn tsjelk rint oer.
6 Kleare goed en genede folgje my al de dagen fan myn libben,
en ik sil yn it hûs des Heare wenje yn langte fan dagen.

(Nederlandsch Bijbel Genootschap,1943)

Klik foar ynhâld >>

Hôf te Huzum,
links foaroan grêfplak fan
Mine van der Schaaf, Mient Bakker
en Jeannette Steen.
Ofdieling III, rigel 12, grêf 2.

Grêfskrift op eardere lizzende sânstiennen sark:
2 COR. 5 : 1
TRIJNTJE BAKKER
-VAN DER SCHAAF
* 2 NOV. 1888
† 18 SEPT. 1925
MIENTE BAKKER
* 5 APRIL 1888
† 19 SEPT. 1975
JEANNETTE BAKKER
-STEEN
* 7 SEPT. 1898
† 25 JULI 1978

2 Corinthe 5 : 1:
Want wij weten, dat, indien de aardse tent, waarin wij wonen, wordt afgebroken, wij een gebouw van God hebben, in de hemelen, niet met handen gemaakt, een eeuwig huis.
2 Korinthe 5 : 1:
Hwent wy witte dat, as ús ierdsk hûs, de tinte dy’t wy biwenje britsen wirdt, wy in gebou fen God hawwe, in went net mei hannen makke, mar ivich yn ’e himelen.  

Klik foar ynhâld >>

GENERAASJE VIII – De bern fan Mient Bakker en Mine van der Schaaf

De bern fan Miente Bakker en Mine van der Schaaf, by beppe Dieuwke yn ’e tún fan it Jeltingahûs te Bûtenpost.
Albert, Bauk, Dieuwke, Popke, Maaike, Lammert, Durk, Sieuwke en Sjoerd.
Nei de fakânsje, noch even byinoar; Popke, Bauk, Sjoeke en Lammert glimkje.
B61

VIII.1 Popke Sjoerd Bakker * Ljouwert 15-12-1912 † Amsterdam, deasketten op De Dam, 7-5-1945, 32 jier, [] Amsterdam, Zorgvlied, herbegroeven Loenen, Earebegraafplak, fak en rigel A1163; yn 1935 winkelfeint te Rotterdam; sûnt 1938 oant hjerst 1940 ferkeaper fan kassa’s oan lytse bedriuwen by de N.V. Nationaal Kasregisters v/h Cord Heinrich van Erk, Popke is dêr selsstannich ‘salespromotor’; nimt yn 1940 de gruthannel yn rubber oer fan Jacq. van der Glas oan ’e Brouwersgracht 28: Rubbelhandel J. van der Glas; keapman te Amsterdam; fersetsstrider, distribueart de yllegale blêden Vrij Nederland en De Vrije Kunstenaar; kommunist;
Popke hat in relaasje mei Emma Aukje Rinia Rita Hilbrink * Utrecht 8-6-1914 † 2006; NH; wennet sûnt 25-8-1938 by de bruorren Popke, Sjoerd en Albert Bakker yn de Korte Leidsedwarsstraat te Amsterdam; dr fan Jan Hilbrink, boekhâlder te Utrecht, en Hendrika Johanna Dekker;
dr fan Popke Bakker en Emma Hilbrink: Janna Hilbrink * Amsterdam 1939; wennet yn Australië
B113
Popke x Amsterdam 9-4-1942, 32 en 21 jier, Ietje Johanna Wiedenhoff (Ida) * Amsterdam 30-4-1920 † dêr 19-5-2006, 86 jier; dr fan Johannes Wiedenhoff, by trouwen yn 1914 winkelfeint te Amsterdam, yn 1915 etaleur te Grins, en Roelfke Brinkman; B173;
Ida x 2 Amsterdam 21-8-1946, 26 en 25 jier, Josephus Gerardus Maria Bantzinger (Sjef) * Gouda 24-10-1920; fertsjintwurdiger en keapman, wennet te Gouda, Hilversum, Nijmegen, Milligen, Amsterdam, Jakarta; sn fan Johan Jacob Bantzinger, winkelman te Gouda en Hilversum, en Maria Gerardina Josephina Janssen
Bern fan Popke en Ida:
1 Roelfke Bakker
* Amsterdam, Diaconessen Ziekenhuis Overtoom, wennet Singel 96, 28-6-1942 † Amsterdam, Kalfjeslaan 36, 23-11-1948, 6 jier, [] Amsterdam, Zorgvlied; Roelfke stapt fuort by har hûs út in autobus en wurdt troch in auto oanriden, it famke is op slach dea.
2 Sjoerd Bakker, folget IX.1

Algemeen Handelsblad, 19-2-1946


Sjoch:
Popke Sjoerd Bakker
Dam-incident
Fedde Schurer, De besleine spegel, A.J. Osinga Uitgeverij, Ljouwert, 1998, side 136 ISBN 90 60665 1 05 (earste druk, De bisleine spegel, Moussault’s Uitgeverij nv, Amsterdam, 1969
-Henk van Randwijk, In de schaduw van gisteren, een kroniek van het verzet, p 318, 1967
-Marjan Reinders, Een beeld van een vrouw, Uitgeverij An Dekker, 1988
-Ludmilla van Santen &, Norbert-Jan Nuij, Drama op de Dam, Stichting Memorial Voor Damslachtoffers 7 Mei 1945, 2017 ISBN 9789090302416 

Wenplakken fan Popke:
-1926 út Ljouwert nei Bûtenpost op Jeltingahûs by beppe Dieuwke
-1927 te Grins, wennet by oom Durk Mienet Bakker en tante Sijke Dijk, jongste feint by P.S. Bakker
– -5-1930 dêrwei nei Amsterdam, wennet by oom Lammert Bakker en tante Dien Kuitert yn de Scheldestraat, ferkeaper by moadehûs Kreymborg
-30-9-1931 út Amsterdam nei Ljouwert, ferkeaper by P.S. Bakker, by oom Sikke Bakker en tante Lucie van der Kluft; Popke wennet dan by tante Neeltje en oom Tæke Bakker
-23-8-1934 by omke en muoike Neel en Tæke Bakker te Ljouwert
-2-1-1935 nei Amsterdam
-20-4-1936 út Amsterdam yn Ljouwert
-9-12-1936 út Ljouwert nei Stompwijk, Park Leeuwenburg 41, gemeente Leidschendam-Voorburg
-1936 Ljouwert
-1936 Rotterdam
-3-2-1937 yn Ljouwert
-1-4-1937, Meent 173, Ljouwert
-1938 Amsterdam, wennet Korte Leidsedwarssraat mei Sjoerd en Albert en Emma Hilbrink, ferkeaper by de N.V. Nationaal Kasregisters v/h Cord Heinrich van Erk
-Leidsekade
-1940 Haarlem
-1940 solderkeamers Prinsengracht, Oudezijds Voorburgwal, Herculesstraat
-28-1-1941 Leidsegracht
-29-4-1942 wenje mei har trouwen op it Singel 96, ferpleatst dêr syn rubberhannel ek hinne (sûnt 1942 is Popke syn kompanjon Laszlo Dénis, dy wennet as ûnderdûker op it Singel 108) B304
-1943 oan it Singel 108 hat Popke in ekstra bedriuwspand, dêr sitte ek ûnderdûkers en Albert wennet dêr; Popke hat opslach yn ’e Langestraat 82-84 achter it Singel; de rubberhannel P.S. Bakker is dêr fêstige oant febrewaris 1958
-ferfart begjin 1944 mei de húshâlding nei Blaricum, troch Popke syn yllegale aktiviteiten is Amsterdam net mear feilich;
-1945 Singel 96
-Ietje ferfart nei Popke syn ferstjerren mei Roelfke en Sjoerd nei de Keizersgracht (it hûs fan har suster Sanne).

Klik foar ynhâld >>

§ GOEDDOGGER
‘Vergeet de poëzie in je leven niet,’ skriuwt jongste broer Lammert oan âldste broer Popke op dy syn troudei. B294
Popke Bakker syn libben is poëzy, neffens syn freonen. Dizze keapman hat troch syn rubberhannel gâns modder oan ’e kloet en hy ferheft dat om dichters en byldzjend keunstners dy’t oan reapsein binne as in mesenas te skewielen mei syn pekunia.
Sa helpt er syn freon Bertus Aafjes. En de dichters Gerard den Brabander, Jacques van Hattum, Ed Hoornik, A. Marja. Fierders stipet er it ferset, ûnder oaren de fersetsgroep CS6.
Popke sammelet ek byldzjend wurk om him hinne, hy ferskaft en skaft wurk oan fan Piet Mondriaan en Germ de Jong. By him hingje de prestaasjes oan ’e muorre fan Hendrik Chabot, Jan Wiegers, Else Berg. En flink wat skilderijen fan Cees Bantzinger, de broer fan Sjef, de twadde man fan Ida Wiedenhoff

§ DIT IS DE DAG VAN MIJN LEVEN
Is Nederlân offisjeel op 5 maaie befrijd, op 7 maaie is Amsterdam noch fergeven fan Dútsers. It tydskrift De Vrije Katheder warskôget op 6 maaie dat de Kanadezen net earder as in dei letter yn Amsterdam wêze sille.
Mar opteine Amsterdammers fiere al sjongend en dûnsjend feest op de Dam ûnder in hearlik waarme simmersinne. Popke en Ida ha de nacht sliept by Ida har suster Sanne van den Doel oan ’e Keizersgracht, de bern hawwe se yn Blaricum ûnder de hoede fan har noflike húshâldster
Riek Schagen.
Popke wol perfoarst by de befrijing yn Amsterdam wêze. Yn ’e moarn bejouwe se har yn ’t feestgerûs. Om healwei ienen hinne ride in pear geallliearde pânserweinen fan it Rokin de Dam op, in ferkenningsienheid fan ’e Ingelse Polar Bears-devisy. Famkes en jonges der boppe-op. Op itselde stuit stekke Dútse trucks tusken de útlitten lju de Dam oer en passeare de Ingelse brigade.
Twa oere middeis, alle militêren binne dan al wer fuort, stiet in troep Dútsers fan it dak fan ’e Hearesosiëteit De Groote Club nei de mannichte ûnder har te sjen. Underwilens wurde har maten op it Rokin ûntwapene troch de Binnenlânse Striidkrachten, wat net tastien is neffens it kapitulaasjebesprek. Om trije oere sjitte de Dútsers fan it dak ôf samar ynienen op de feestfierders yn. B290
Popke krijt in skot yn ’e holle, is bûten westen en ferstjert yn it Binnengasthuis.

Durk en Albert besykje mei de ferwezen famylje de begraffenis te regeljen. Der is krapte oan hout. Yn ’e earste moannen fan 1945 stjerre achttûzen minsken fan honger en kjeld. It omskot wurdt yn in koets nei Zorgvlied riden. ‘‘Daar liep ook nog het wiel vanaf. Alles was even krakkemikkig,’’ fertelt suster Bauk. Under begeraffenisstoet wienen ek Popke syn fersetsmaten, lykas Henk van Randwijk en de famylje fan Pam Pooters fan ’e fersetsgroep CS6, en Bet van Beeren. B295

Ferslach fan Sanne Wiedenhoff*
As Popke de moarns by syn skoansuster Sanne van den Doel wei nei de Dam sil, seit er oandien tsjin har: Dit is de dag van mijn leven.
Sanne van den Doel-Wiedenhoff yn har offisjele ferklearring:
Mijn man, werkzaam als arts-assistent van de afdeling chirurgie in het Binnengasthuis was die dag vrij en wij gingen die ochtend naar vrienden alwaar wij enigen tijd later schoten hoorden, ongerust werden en naar huis gingen. Onderweg bemerkten wij dat er waarschijnlijk iets ernstigs gebeurde en mijn man besloot naar het Binnengasthuis te gaan. Ik vervolgde dus verder alleen, met ons kind van 8 maanden mijn weg naar huis, naar de Keizersgracht. Ik ontdekte vlak daarbij mijn zuster, totaal ontredderd, zonder schoenen, leunend tegen een boom. Toen vertelde ze mij dat er geschoten was op de Dam, vanuit het gebouw hoek Kalverstraat, Paleisstraat, en dat Popke, die de vluchtende menigte tot kalmte maande, en riep aan de kinderen te denken die er zouden verongelukken, plots getroffen werd door een kogel en neerviel. Mijn zuster werd meegesleurd door de massa en wist dus niets meer te zeggen hierover.
B291

* Susanna Wiedenhoff * Grins 9-12-1915 † Amstelveen 4-1-2006, 90 jier; x 18-2-1944 Hubrecht van den Doel (Huub) * Grins 28-8-1913 † Zoetermeer 4-6-2008, 94 jier; sjirurch te Purmerend; sn fan Cornelis van den Doel, yn 1913 boukundige te Grins, opsichter te Den Haach, en Grietje Jilles van der Mey

Ferslach fan Fedde Schurer
Dichter en skriuwer Fedde Schurer fiert mei frou en soan ek feest, se steane neist Popke te sjongen.
Schurer skriuwt yn syn biografy
De besleine Spegel, hy is dan ûnderwizer yn Amsterdam:
Sa’t de earste swellen de maitiid oankundigje, sa wiene it de Ingelske Liberators, dy’t op in ûnferjitlike dei leech oer de stêd skearden en iten ynpleats fan bommen struiden. Ik hie de bern hjitten rêstich yn ’e bank sitten te bliuwen en mar troch de ruten te sjen. Doe’t de earste fleantugen ferskynden, stoden hja út de bank nei de finsters en skreauden as gekken de spanning fan fiif jier út. Ik haw nimmen ferbean; ik haw ek skreaud as in gek en gûld as in bern. In inkelde kear moat men dat dwaan, as it net oars kin.
De jûns fan ’e fjirde maaie 1945 waard troch de radio de ûnbetinge kapitulaasje fan it Dútske leger yn Wageningen mankundich. Flaggen dy’t al lang klear lein hiene, kamen op alle etaazjes nei bûten stekken, en de strjitten rûnen fol folk; in riedsel wêr’t hja al dat oranje sa gau wei hiene. Ik hie in grutte rûne kokarde op, dy’t blykber yn it dûnker misbegryp joech, want in goede dame kaam op my ta en sei: ‘Och mynhear, doch dy stjerre no ôf, it hoecht ommers net mear’.

Wy wiene allegear troch de wyn. Myn buorfrou naam my yn ’e earm en loek my yn in hosploech, har heechste liet sjongende/…/
Noch wiene Dútskers baas yn Amsterdam; yn ’e binnenstêd waard sketten.
De oare deis teagen wy mei ús trijen, Wil, Andrys [Schurer syn frou Willemke de Vries en soan] en ik nei de Dam, dêr’t wy foar it paleis mei in útlitten mannichte it
Wilhelmus songen. Popke Bakker stie njonken ús, ien fan dy famylje dêr’t de SD fan sei dat hja in ‘Privatkrieg’ mei Dútsklân liken te hawwen. Doe’t wy, wer ûnderweis nei hûs, amper in pear strjitten fier wiene, hearden wy it roffeljend lûd fan mitrailleurfjoer.
Dy middeis mette ik Bert Bakker, de útjouwer, op ’e Weteringskâns, alhiel ûntdien.
‘Untsettend mei Popke,’ brocht er út. ‘Popke?’’ sei ik, ‘ik ha fan ’e moarn noch nêst him stien te sjongen op ’e Dam.’
‘Dan bin jim krekt op ’e tiid fuort gong,’ sei Bert. Ferwoedene en wierskynlik dronkene Dútskers hiene út ’e finsters fan it Grutte Club-gebou, harren kertier, blynwei har masinegewearen op ’e sjongende mannichte leechsketten. Popke wie dea. B292
Dat wiene ûnwêzentlike dagen, frij en net frij. Wy leauden it earsten, doe’t de tanks fan ’e Kanadezen Amsterdam yndaveren en it byld fan ’e ‘Maple Leaf’ alle strjitten en pleinen behearske.
In úthongere stêd fierde in wyld feest, dagen oanien; alles wat dûnsje koe dûnse en wat it net koe besocht it te learen.
Ja, it wie in wûnderlik feest, sûnder de needsaaklike yngrediïnten, sûnder snobberij en gebak, en dochs wie der gjin hâlden oan.

Henk van Randwijk skriuwt oer Popke:
De oorlog is voorbij maar op de Dam beginnen de Duitsers uit angst? door een misverstand? op de samengestroomde menigte te schieten. Ook iemand van onze organisatie hoort bij de getroffenen. Een kogel dwars door het hoofd. Hij sterft in het Binnengasthuis en we staan bij zijn sterfbed. Als hij dood is zal hij naar de kelder verhuizen want gelegenheid om te begraven is er allang niet meer. Gelukkig kennen we de chirurg en die geeft toestemming het lijk mee te nemen als we zelf voor vervoer zorgen. We organiseren een bakfiets, we wikkelen hem in een zeildoek, als we de hoeken om gaan in het nauwe straatje rolt het zeildoek met zijn inhoud in de lege bak van links naar rechts. Zo was de bevrijding. B292

Dieuwke Eringa (1911-2003) yn har autobiografy:
‘‘Weet je wat ik erg vind,’’ zei hij eens tegen me, ‘‘de allerlaatste kogel. Een oorlog houdt op, maar een mens krijgt die laatste kogel.’’ Die laatste kogel kreeg hij. B293

Aldste suster Bauk fertelt:
Bert Bakker heeft mij met een auto, hoe hij daar aankwam weet ik niet, opgepikt. Ik heb de familie achtergelaten [yn Leiden, dêr’t Bauk dan wennet] en ben met hem door de binnenlanden naar Amsterdam gereden.
Popke…! Hij lag opgebaard in zijn beste pak, in het prachtige kantoor van zijn bedrijf, in een slechte kist. Wat dat voor voeten in de aarde heeft gehad! Ze hadden toch een kist weten te versieren.
Er was helemaal geen eten meer, we stonden op een kacheltje maar wat te brouwen. Ietje was nergens…! Het was vreselijk. Ik heb aan één stuk door naar Ietje geluisterd die niets anders deed dan het verhaal herhalen. Aan één stuk door. Hoe de situatie was op de Dam, hoe ze eruit gekomen was en hoe ze zichzelf terugvond bij een boom. Een vreselijk verhaal. Ik heb al die tijd bij Ietje gezeten, almaar weer de herhaling: wat is er gebeurd? B293

Bertus Aafjes briefket oan broer Albert:
Popke was mijn beste vriend. Ik weet dat ik ook ener zijn beste vrienden was. Nu heeft een bijna ongeloofwaardig gebeuren ons voorgoed gescheiden. Ik kan daar nog bijna niet bij met mijn verstand. Voor mij is met Popke de meest onvervangbare en onvergetelijke figuur die ik kende uit het leven weqgerukt. De hand der tirannen heeft wel ver gereikt./…/
Het zal lang, heel lang duren voor ik over de pijn van dit verlies heen ben. Ik, die als man, sinds mijn jongelingsjaren nooit meer gehuild had, huilde toen ik het rouwbericht opende. Popke werd op mijn verjaardag begraven. Die dag had ik de hele dag het gevoel dat er iets verschrikkelijks gebeurd was. Eerst een paar dagen later wist ik wat het was. Popke zal altijd in mijn gedachten voortleven als de edelste man die ik ontmoette. Wil je Dirk en Baukje van mij condoleren en zeggen hoe een groot verdriet het verlies van een vriend als Popke mij berokkend heeft. Jullie broers zullen ontelbaren nooit vergeten. Popke herdenken zal voor mij altijd verdriet betekenen. Je Bertus. B296
Bertus Aafjes publiseart yn 1946 yn Vrij Nederland in artikel ta oantinken oan Popke Bakker: Ik had een vriend. B 314.

Klik foar ynhâld >>

§ TINKSTIENNEN
Op ’e Dam binne yn 2016 foar de slachtoffers fan ’e sjitpartij op 7 maaie 1945 32 stienen dellein foar de minsken dy’t dêr doe omkamen. Der is ek in nammestien foar Popke Bakker by
.

Yn stielen letters:
Ter herinnering aan de slachtoffers van de schietpartij op de Dam 7 mei 1947
Tekst tinkstientsje:
7 mei 1945.
Rond het middaguur rijdt een eerste geallieerde verkenningseenheid over de Dam.
Kort daarna vinden er schermutselingen plaats tussen Duitse militairen en het
voormalige verzet: de Binnenlandse Strijdkrachten. Om 15.00 uur wordt vanuit het
Duits steunpunt van de Kriegsmarine [De Groote Club] het vuur geopend. Er ontstaat
een vuurgevecht waarbij ten minste 32 doden vallen.


Dit monument, een initiatief van Stichting Memorial voor Damslachtoffers 7 mei 1945,
is onthuld op 7 mei 2016. Het participatieve ontwerp omvat 32 namenstenen.
www.amsterdam.nl/buitenkunst

Stien op it Earebegraafplak te Loenen

Byld foar Popke op Zorgvlied.
Byldhouster: Nel Klaassen,

makke yn 1949 yn opdracht fan Albert

De lêste rigel fan dit fers fan Hendrik Marsman stiet op it byld foar Popke. Sjoerd hellet dy rigel oan as er syn deafûnis oanheard hat.

Phoenix

Vlam in mij, laai weer op;
hart in mij, heb geduld,
verdubbel het vertrouwen –Phoenix

vogel in mij laat zich opnieuw ontvouwen
de vleugelen, de nu nog moede en grauwe;
o, wiek nu op uit de verbrandde takken
en laat den moed en uwe vaart niet zakken
het nest is goed, maar het heelal is ruimer.

.

Popke en Durk Bakker.
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje

Klik foar ynhâld >>

§ ELF SONNETTEN OP FRIESLAND
Popke syn freon Bertus Aafjes lit Popke yn july 1944 witte dat er
Dertien sonnetten op Friesland skreaun hat.
Aafjes skriuwt: Het boekje is in zijn geheel opgedragen aan Sjoerd. De sonnetten afzonderlijk zijn stuk voor stuk opgedragen aan Friese vrienden. De Bakkers nemen daarvan een leeuwendeel in beslag: Sjoerd, Popke, Albert en neef Bert. Er is iets aardigs te doen met dat boekje’.
Yn 1944 ferskynt klandestyn in fersebondel fan him by Molenpers te Amsterdam, dan mei de titel Elf sonnetten op Friesland. Aafjes hat dêryn in sonnet op Albert: Schaatsenrijders; op Bert Bakker: Het havenstadje; en op Popke: A la mignonne. B258
Earder liet Aafjes oan Popke witte dat it him net slagge wie om in gedicht op Sjoerd nei ’t sin op papier te krijen: Ik heb waarlijk mijn best gedaan, maar zoals gezegd ben ik werkelijk niet tevreden over het resultaat. B226
Sjoch foar alle alve gedichten: Elf sonnetten op Friesland


Klik foar ynhâld >>

VIII.2 Dirk Bakker * Ljouwert 14-2-1914 † Amsterdam, Singel 108, 14-8-1965, 51 jier; G, letter NH; yn 1935 kantoarfeint te Ljouwert; keapman te Amsterdam; fersetsstrider; wurdt yn oktober 1940 lid fan ’e Oranjewacht ôfdieling Ljouwert; ; keapman te Amsterdam oan it Singel 108-boppe
B137
x Den Haach 9-2-1944, beide 29 jier, formele skieding 1965, Trijntje Okma * Ljouwert 16-4-1914 † Amsterdam 23-12-2004, 90 jier; G, letter NH; ferhuzet op 25-5-1934 út Ljouwert nei Den Haach, komt dêrwei op 23-10-1934 yn Ljouwert, ferfart dêrwei op 29-4-1936 nei Maartensdijk; dr fan Dirk Ruurds Okma, komt op 4-5-1910 út Snits yn Ljouwert (Van Swietenstrjitte W4, Emmakade N144), dêr foarsitter Raad van Arbeid, advokaat en prokureur, sûnt 1-10-1928 dêr kantonrjochter, en Geertruida Wilhelmina Sophia van Rijnberk;
Durk hat sûnt 1949 in relaasje mei Jozef Anton Maria Broekman (Joop) * Geldrop 31-12-1919 † Amsterdam, Singel 108, 15-8-1965, 45 jier; RK; as studint medisinen wegeret er de Lojaliteitsferklearring te tekenjen, dûkt ûnder, wurdt ferret en finzen set yn Kamp Vught (Konzentrationslager Herzogenbusch) fan 16-1-1944 oant 26-3-1944; studearret 1952 ôf; arts te Amsterdam; fan 1953-1956 wurket er as arts by it Sint Bavo sikehûs yn Noordwijkerhout, dêr’t er ek wennet, dêr ûntslein yn 1956 fanwegen gedrach dat net troch de mesken kin; sûnt 1958 húsarts op op it Singel 108-ûnder, dêr’t oant febrewaris 1958 de rubberhannel P.S. Bakker festige is; Durk en Trijntje en de bern wenje dêrboppe; sn fan Wilhelmus Antonius Franciscus Broekman, fabrikant, en Everdina Antonia Teunissen
Sjoch: Dirk Bakker
Bern:
1 Miente Bakker, folget IX.2
2 Popke Sjoerd Bakker, folget IX.3

3 Geertruida Wilhelmina Sophia Bakkker, folget IX.4
4 Martha Sophia Bakker, folget IX.5

Durk en Popke Bakker.
Fotograaf: J.M. van der Peijl, Nije Steech, Ljouwert.
BS

Durk Bakker
Miente, Geertruida, Popke en Martha Bakker, 1948.
Fotograaf: A.J. Bosch, Okeghemstraat 10, Amsterdam.
TB

Miente, Geertruida, Martha en Popke.
TB

Wenplakken fan Durk:
-1926 út Ljouwert nei beppe Dieuwke op Jeltingahûs te Bûtenpost
-1928 ferhuzet út Bûtenpost nei Rotterdam, wennet by tante Wieke en oom Sjoerd Eringa, docht it Marnix Gymnasium
-1931 kantoarfeint by P.S. Bakker te Ljouwert
-1934 militêre tsjinst by de zjeny te Amsterdam
-1938 Korte Leidsedwarsstraat, wennet dêr mei Popke en Albert
-11-1-1941 fêstset yn it Oranjehotel, gefangenis yn Skeveningen, sit dêr njoggen moannen
-wurdt septimber 1941 oerbrocht nei Kamp Amersfoort, Häftling nr 392; B157
-novimber 1941 frijlitten
B157
-1941 Ljouwert
-1941 Heemstede, dêr húsfeint
-begjin 1943 Grins, dêr wurksum op kantoar by P.S. Bakker oan it A-Kerkhof, û.l.f. oom Durk; wennet dêr op in keamer
-1944 Den Haach; Durk trout dêr mei Trijntje Okma, tagelyk mei Trijntje har broer Gerrit Willem Okma (Willem) * Ljouwert 5-7-1910 † Epe, Gelderlân, 25-11-1987; x Den Haach 9-2-1944 Bernardina Antoinetta Elisabeth Tollenaar (Dien) * Den Haach 17-9-1920 † Apeldoorn -4-2021
-1944 Grins, Pottebakkersrijge 9, Durk wurket dêr by P.S. Bakker
-1944 Den Haach by de famylje Okma yn ’e Citroenstraat; Durk kin yn Grins oppakt wurde om te wurk steld te wurden nei Dútslân, sadwaande is it dêr te gefaarlik; hy nimt Trijntje mei om te foaren te kommen oppakt wurdt as represaille; har soan Miente wurdt dêr geboaren op 17-11-1944
-1945 Amsterdam, Prinsengracht 277; Dirk nimt de rubberhannel P.S. Bakkeroer fan Popke, doe’t dy 7-5-1945 op ’e Dam deasketten wie
-sûnt 20-3-1946 Amsterdam, it Singel 108-boppe.

Algemeen Handelsblad, 20-8-1965
Trouw, 21-8-1965

Klik foar ynhâld >>

§ IN DREECH EIN LIBBEN
Yn oktober 1940 wurdt Durk lid fan ’e Oranjewacht, ôfdieling Ljouwert. In fersetsploech dy’t benammen bestiet út demobilisearde militêren. It doel is om derfoar te soargjen dat Wilhelmina wer út Londen weromkeare kin nei Nederlân, de groep is mei tûzenen leden warber yn hiel Nederlân. De Ljouwerter ôfdieling spioneart en beskikt oer wapens, mar gegevens nei Ingelân te krijen slagget net. De Oranjewacht hat kontakten mei de yllegale organisaasje de Geuzen. B129
Trijntje en Mient-en-dy ha allegear gjin aan fan Durk syn fersetsaktiviteiten.
Yn ’e hjerst fan 1940 wurdt Geuzelieder Bernard IJzerdraat ferret, arresteard en by him fynt de S.D. in bûsboekje mei nammen en adressen, ek fan ’e Oranjewacht.
Durk wurdt yn ’e nacht fan sneon 10 op snein 11 jannewaris 1941 troch de SD arresteard yn syn âlderlik hûs oan ’e Emmakade en fêstset yn it Oranjehotel, de gefangenis yn Skeveningen; hy sit dêr njoggen moannen. Yn septimber 1941 wurdt er oerbrocht nei Kamp Amersfoort, Häftling nr 392; B157. Yn novimber 1941 wurdt er dêr frijlitten. B137
Durk kin dy geastlike en lyflike martelingen min kwyt wurde. Dêroerhinne hat er it noch hyltyd dreech mei syn gefoelens foar manlju, benammen yn syn militêre tsjinst yn 1934 hie er dêr ek sa’n muoite mei. Mient tinkt dat it mooglik in oandwaning is dy’t foarby gean kin, mei help. Durk praat deroer mei syn hertsfreondin Trijntje Okma dêr’t er al sûnt de legereskoalletiid mei befreone is. De Okma’s binne thús yn rûnten fan ’e Vrije Universiteit te Amsterdam, professor Jan Waterink, dêr pedagooch en psycholooch oan it Pedologys Ynstitút, wurdt rieplachte. Dy riedt Durk en Trijntje oan om te trouwen, se nimme dy rie oan: de bêste garânsje foar in ‘normaal’ libben. It houlik is goed.
Tineke Bakker fertelt: ‘Dan krijt Durk kunde oan Joop Broekman, arts te Amsterdam. Neigeraden rint har ferhâlding út op in leafdesrelaasje. Joop keapet in hûs mei dokterspraktyk oan it Singel 108. Durk, Trijntje en Joop nimme it beslút om byinoar te wenjen. Trijntje en de bern komme boppe, Durk en Joop ûnder. Joop rekket oan ’e drank en Durk en Trijntje helpe him dêr tydlik fan ôf. Mar Joop hat noch in oandwaning: hy kin net dele. Sadwaande kin er Trijntje net fele. De bern kinne it net litte om dy man te pleagjen.’

Yn 1963 keapet Dirk it Singel 108 fan Sjef Bantzinger, de behearder fan Popke syn neilittenskip. Dirk ferkeapet it daliks troch oan Joop Broekman. Joop lit it hûs yngeand ferbouwe en lit ek de húskeamer fan ’e famylje Bakker ta sliep- en wenkeamer fan Dirk ombouwe. Dat is foar Trijntje de oanlieding om echtskieding oan te freegjen, dy wurdt yn juny 1965 ferliend.
Op 14 augustus komt Joop dronken thús wylst er tsjinst hat. Hy is op it Rembrandtplein troch in freon – Kees Huyg – opfongen en nei hûs brocht. Dirk is poer, omdat Joop wer drinkt en omdat er dat docht wylst er as dokter oproppen wurde kin. Joop giet neffens Huyg freeslik tsjin Dirk te kear. Dat is foar Dirk de lêste drip. Hy nimt genôch pillen yn om derút te stappen. As Miente om 23.40 thúskomt leit Dirk bewusteleas op Joop syn bêd. Miente bellet de plysje en de GGD, letter ek syn broer Popke, dy’t daliks komt. De GGD komt gau, mar kinne neat mear dwaan. Durk ferstjert om middernacht op Joop syn bêd. As de resjerzje Joop ûnderfreegje wol oer de gong fan saken, nimt dy ek hurd fergif yn. Hy stjkert om 02.00 hinne. As de resjerzje klear is mei it ûnderfreegjen fan Popke en Miente, kinne dy de famyljeleden belje. Albert nimt net op, Bauk wol, se komt mei Henk fuort op it Singel. De oare moarns komme Sjef, Ietje, Albert en Greetje ek op it Singel. Op in stik papier fine se de namme fan ’e kamping yn Bardoline dêr’t Trijntje, Truida en Martha kampeare.
Albert lit op it strân fan Bardolino oan ’e Gardamar omroppe dat mefrou Bakker daliks
kontakt opnimme moat. Ien fan har bern seit tsjin har suske: ‘Lach zo hard je kunt, want
we lachen nooit weer.’
De resjerzje seit letter tsjin Huyg of Albert-en-dy dat se Joop yn ’e peiling hâlde moatte: ’Pas
op die man, zijn ogen staan niet goed. (MB)

Tineke Bakker: ‘Heit seit: Durk komt foar in rjochtfeardige rjochter. Hy kin it even net oan en lûkt him werom.
In soad wurdt nei ús belle – guon yn dy ferskrikking sa nijsgjirrich as in hin mei in glêzen kont. Ik sis dat Durk syn hert der mei ophold. By in inkeling: Hij heeft het zelf gedaan.
Omkesizzer Leendert Runia komt by heit, hy seit: Omke ik kin net in wurd útbringe, dat ik moast komme. Op wei dêrhinne lizze hege bulten en djippe dellingen, mar dêrachter leit Jeruzalim.
Heit pakt Leendert mei beide hannen beet en skriemt. Dat sjoch ik dan foar it earst.’

Klik foar ynhâld >>

VIII.3 Sjoerd Bakker * Ljouwert 10-6-1915 † Overveen, Bloemendaal, fusilleard, 1-7-1943, 28 jier, [] herbegroeven Earebegraafplak Overveen, Bloemendaal, Kennemerdunen (offisjele iepening op 27-11-1945); kleanmakker en kûpeur by moadehûs yn ’e Neuer Wall te Hamburg, idem by P.S. Bakker te Ljouwert en te Amsterdam by Hirsch & Cie, û.l.f. Richard Goetz;
te Amsterdam;
ferloofd te Amsterdam, 28-6-1943, yn ’e Weteringschansgefangenis, mei Ali van der Meer (Aa) * Hengelo; G; ferkeapster stoffeôfdieling Metz & Co, û.l.f. Elmar Berkovich, yn ’e Leidsestraat te Amsterdam; fersetsstriidster, koerierster, wurket by de foarsjenning fan iten foar ûnderdûkers en de Persoonsbewijzencentrale (PCB), B249; nei de oarloch gastfrou by it Vormingscentrum fan Vrij Nederland oan ’e Keizersgracht;
Ali bliuwt befreone mei de famylje Bakker; Bauk Begemann-Bakker skinkt Ali har argyf oan it NIOD, dat befettet briefwiksel mei Sjoerd Bakker, Henk van Randwijk en oaren. It is allinne yn te sjen mei tastimming fan ’e famylje Bakker;
Ali hat fan 1945 oant 1952 in relaasje mei Hendrik Mattheüs van Randwijk (Henk);
se fersoarget de frou fan Jo Scheffer en is styfmem fan har bern
x Jo Scheffer; leveret de stoffen foar de unifoarmen oan Sjoerd Bakker
Sjoch:
Sjoerd Bakker
Wie was Sjoerd Bakker?


Wenplakken fan Sjoerd:
-nei it ferstjerren fan syn mem yn 1926 in skoftke op ’e pleats by syn muoike Anne van der Schaaf en omke Gerben Reimers Brouwer op Nij Fellingwurd ûnder Bitgum
-ferhuzet 1926 wer even nei Ljouwert
-komt 23-2-1926 út Ljouwert yn ’e húshâlding fan syn omke Arjen Dirks van der Schaaf, bouboer en ierdappelkeapman te Bitgummole, en Trijntje Sybrens van Tuinen
-ferfart dêrwei op 25-6-1930 nei syn beppe Dieuwke Bakker-Althuisius te Bûtenpost op it Jeltingahûs, docht dêr de ULO
-1931 learling-kleanmakker by kleanmakker De Jong yn ’e Skrâns te Huzum
-1933 learling-kûpeur, nei alle gedachten by moadehûs Hirschfeld yn ’e Neuer Wall te Hamburg
-1934 wer te Ljouwert
-23-8-1934 út Bûtenpost nei Ljouwert, Tsjerk Hiddesstrjitte 62
-1-10-1934 út Ljouwert nei Grins, wennet by oom Durk en tante Dien, wurket by P.S. Bakker yn it atlier en makket dêr frouljusklean, jurken en mantels
-23-8-1935 út Grins yn Ljouwert
-15-4-1936 út Ljouwert nei Amsterdam, wennet by syn oom Paul Bakker en tante Cor Houtman yn ’e Van Eeghenlaan
-1936 Overtoom, Amsterdam
-1936 keamer op ’e Prinsengracht
-7-2-1938 út Ljouwert nei Amsterdam, wennet Prinsengracht 313, kûpeur by moadehûs Hirsch & Cie oan it Leidseplein
-1938 Korte Leidsedwarsstraat, wennet dêr mei Popke, Albert en Emma Hilbrink
-maityd 1939 Frans van Mierisstraat, keamer trjie heech, Albert wennet dêr ek; Ali van der Meer lûkt derby yn
-1940 trijerisom nei de Vondelstraat 17, yn it hûs fan Bert van Eyck
-1941 Vondelstraat 24, wennet dêr mei Albert, Ali bliuwt op nr 17; kûpeur, nammebuordsje neist de foardoar: Sjoerd Bakker Couturier
-1943 finzenis Weteringschans, Amsterdam.

Sjoerd Bakker op ’e troudei fan Bauk, 22-12-1937; neist him nei alle gedachten Ali van der Meer.
TB


Sjoerd Bakker, begjin 1943.
Fotograaf: Violette Cornelius.
Foto: Vezetsmuseum, Amsterdam

Klik foar ynhâld >>

§ KÛTURIER SJOERD SET IT FERSET YN ’E KLEAN OP HALS EN KIEL
As dúdlik wurdt dat de fersetsgroep dêr’t Sjoerd yn sit in oerfal dwaan sil op it Befolkingsregister
oan ’e Plantage Kerklaan 36 te Amsterdam om de kaarten fan dy persoanen te ferjiskjen sadat de besetter dy tûzenen minsken net mear besette kin, sil Sjoerd de unifoarmen op maat meitsje, sekuer neffens model fan ’e Nederlânse plysje. B192
Sjoerd besjocht en besjocht de plysjefigueren op ’e dyk sekuer: har tailleard tunyk, snit, biezen, de njoggen granaatknopen, de blauwe kraachspegels en fansels de swarte stof. Dy wurdt him taskikt troch de ûntwerper fan Metz & Co en it stoffefabryk Hollandia Kattenburg yn Amsterdam, dat oant 1940 Joadse direkteuren hat. It guod wurdt besoarge oan Sjoerd syn atelier yn ’e Vondelstrjitte. Hy makket earst de unifoarmen foar Willem Arondéus en Gerrit van der Veen, lieder fan ’e Persoansbewizensintrale; Sjoerd nimt Willem de maat as lange skredige kaptein, Gerrit as grutte slanke luitenant. Se sille foarop marsjeare. Se krije fan him swarte laklearzen dy’t er kreëart út stevich karton, swart belakt; lykas ek de pistoalholsters. Se komme noch in kear om te passen en te mjitten. Perfekt, de pakken sitte as getten bemetten. Sjoerd is sels net sa seker fan dit uterlik fertoan.
Wêr’t er sels wol wis fan is, dat is syn eigen inerlike moed en striidberens. Dat homo’s fan natuere net weiten hintsjes binne; en mochten se froulike trekjes hawwe, wat is dêr yn ’e goedichheid mis mei? Willem en Sjoerd en Popke en Albert delibereare dêroer yn Sjoerd syn modern, ljocht, fredich atelier. Lau Mazirel, dy’t ek yn ’e fersetsploech sit, skikt derby; se fertelt letter dat Willem en Sjoerd har trijen belove lieten dat, mochten se de oarloch net oerlibje, sy dan yn ’e frijheid fertelle moasten dat it wêzen fan dy ‘mietjes’ wol krigel wêze kin en net laf.
Uteraard ûnthjitte Popke, Albert en Lau dat. B196

Sjoerd Bakker yn syn atelier.
Fotograaf: Emmy Andriesse.
Bijzondere Collecties Universiteitsbibliotheek Leiden

Maatwurk
De oanslach sil plak hawwe op 12 maart 1943, de njoggen fersetsstriders gean yn marstempo fan ’e Prinsengracht, oer de Magere Brug, fia de Nieuwe Kerkstraat nei it Artisgebou, mar as se de Weesperstrjitte oerstekke is dêr in razzia yn ’e Joadebuert. Se marsjeare daliks werom.
Foardat se op ’e nij út ein sette, sil mear unifoarmfertoan him jilde litte moatte. Sjoerd leveret no ek maatwurk foar fjouwer ‘gewoane’ plysje-aginten: de trije saneamde Rattenkruidjonges Rudi Bloemgarten, Karl Gröger, Coos Hartogh en Sam van Musschenbroek; dêrachteroan sille trije plysjemannen yn boarger rinne: Guus Reitsma, Cees Honig en Willem Beck. B199
Op 22 maart is it wer om ’e nocht: by it Befolkingsregister komme skjinmakkers yn ’t spul.
By it tredde besykjen op 27 maart sjogge se út ’e fierte dat twa plysjes op wacht stean. Se stevenje op dy mannen ôf en dy tinke dat se mei in detasjemint fan ’e gemeenteplysje te krijen hawwe, ûnder lieding fan in kaptein dy’t meidield dat se in spesjale kontrôle hâlde omdat ynslûpers it Befolkingsregister ynkringe wolle. De wachters ha gjin euvelmoed yn wat Willem Arondéus har allegear oan ’e noas hinget, want de kaptein sels hat op syn kraach in spegel mei trije stjerren en de luitenant ien mei twa. En har tenue is it nijste model unifoarm. En ien fan syn manskippen brûkt in bûslampe op ’t boarst dy’t ôfskerme is lykas wenst by de Amsterdamse polysje. B 201
Goed wurk Sjoerd!


Plysjeman Van Doorn docht foar de sabotaazjeploech de doar fan ’e feilichheidslotten en fiert him foar har iepen. Willem Beck en Cees Honig, beide arts, stekke yn Van Doorn en yn syn maat in ferdôvjende ynjeksje, lykas ek yn twa boargerwachten. Even letter wurde har ôflossers platspuite. Se lizze de acht manlju yn ’e Artistún om in feilich hoart letter by te kommen.
Se helje halje-trawalje de kaartebakken leech, smite de persoansgegevens op in bult, jitte alles baarnendewei oer mei benzol en lizze fakkundich de lonten oan. Se sette in boardsje foar de doar – Explosiegevaar – en marsjeare nei de Prinsengracht. Achter har fleane glêsskerven de loft yn ûnder it genot fan stekflammen en klappend freugdefjoerwurk.

It Befolkingsregister de dei nei de oanslach.
Foto: Stadsarchief Amsterdam

Ferrie
Twa dagen letter set de Höhere SS-und Polizeiführer 10.000,00 gûne op de koppen fan ’e fersetslju.
Op 1 april hellet de SD Sjoerd út syn atelier en Willem út syn ûnderdûkadres, ferret troch in koerier fan har fersetsgroep, fia in freon, fia dy syn NSB-baas.
Koart dêrnei wurde ek de oaren arresteard, mei útsûndering fan Gerrit van der Veen.
Se wurde wreed ûnderfrege, op ’e brits
rou oan ankels en polzen fêstbûn, lizze dei en nacht yn stekkend ljocht. Sjoerd en Willem krije fan ’e bewakers ekstra op ’e hûd omdat it fan dy flikkers binne.
Fia betroubere oppassers hearre Sjoerd syn sibben sa no en dan dat syn stoffelike tastân alderbenaudst is. B211

Sjoerd en syn maten begean har dieden op hals en kiel, op straffe fan de dea. Se wurde ta de kûgel feroardiele.
Yn juny wurdt Sjoerd 28. Hy mei deis yn ’e Weteringschansfinzenis wat omrinne. Nei iensume opsluting fan moannen, sjocht er syn maten wer, guon fan ’e oerfallers foar it earst. B212

Sjoerd syn advokaat wol ha dat Sjoerd seit dat er in leafdesferhâlding hat mei Willem Arondéus, dan wurdt him syn skuld minder swier oanrekkene omdat er net oars koe. Sjoerd wegeret dat.
Hy en syn alve meistanners belibje de rjochtsaak krigel. Nei in sitting fan twa dagen nimme se it fûnis rêstich op.
Sjoerd siteart út Hendrik Marsum syn gedicht:de lêste rigel: het nest is goed, maar het heelal is ruimer. Dat fers stiet ek op it grêfmonumint fan Popke op Zorgvlied.
De dagen foar de eksekúsje binne de mannen net ferslein. Fersetsstrider Han Gotjé skriuwt letter: Ik verbaasde mij over de opgewektheid van de jongens; zij lachten, debatteerden en lazen om beurten hoofdstukken uit de Bijbel voor.

Oerwinners
Sjoerd mei de dagen foar syn dea besite ha. Heit Mient útfanhûzet by Popke op it Singel.
Hy en de bern wachtsje yn in keammerke yn ’e gefangenis oan ’e Weteringschans. Sjoerd komt deryn – shining, seit Baukje, hy hat ús allegear treaste. Hy seit: Ik wol dat heit noch in kear foar ús allegear út ’e Bibel lêst, Romeinen 8:


30 En die Hij te voren verordineerd heeft, dezen heeft Hij ook geroepen; en die Hij geroepen heeft, dezen heeft Hij ook gerechtvaardigd; en die Hij gerechtvaardigd heeft, dezen heeft Hij ook verheerlijkt.
31 Wat zullen wij dan tot deze dingen zeggen? Zo God voor ons is, wie zal tegen ons zijn?
32 Die ook Zijn eigen Zoon niet gespaard heeft, maar heeft Hem voor ons allen overgegeven, hoe zal Hij ons ook met Hem niet alle dingen schenken?
33 Wie zal beschuldiging inbrengen tegen de uitverkorenen Gods? God is het, Die rechtvaardig maakt.
34 Wie is het, die verdoemt? Christus is het, Die gestorven is; ja, wat meer is, Die ook opgewekt is, Die ook ter rechter hand Gods is, Die ook voor ons bidt.
35 Wie zal ons scheiden van de liefde van Christus? Verdrukking, of benauwdheid, of vervolging, of honger, naaktheid, of gevaar, of zwaard.
36 (Gelijk geschreven is: Want om Uwentwil worden wij den gansen dag gedood; wij zijn geacht als schapen ter slachting.)
37 Maar in dit alles zijn wij meer dan overwinnaars, door Hem, Die ons liefgehad heeft.
38 Want ik ben verzekerd, dat noch dood, noch leven, noch engelen, noch overheden, noch machten, noch tegenwoordige, noch toekomende dingen,
39 Noch hoogte, noch diepte, noch enig ander schepsel ons zal kunnen scheiden van de liefde Gods, welke is in Christus Jezus, onzen Heere.


Tineke Bakker fertelt: ‘Romeinen 8 wurdt tenei yn ús famylje alle 4 maaien lêzen en ek by oare tinkgelegenheden. Us Sikke sei: ‘‘Op alle rampendagen van de familie hoor, en die zijn er nogal wat.’

As Sjoerd by ús heit en ús yn dat apart keammerke brocht wurdt, troch twa Dútsers yn unifoarm, seit ús heit: ‘‘Sjoerd, hoe is it?’’
Ik fielde dat oan as: Kom mar, kom mar.
Sjoerd seit: ‘‘Ik ben zo blij vader, zo blij, want ik ga naar Jezus toe.’’
Dan freget Sjoerd at heit it Onze Vader mei ús bidde wol.

Onze Vader, Die in de hemelen zijt!
Uw Naam worde geheiligd.
Uw Koninkrijk kome.
Uw wil geschiede, gelijk in den hemel alzo ook op de aarde.
Geef ons heden ons dagelijks brood.
En vergeef ons onze schulden,

Dan hâldt heit op.
Sjoerd leit syn hannen op heit sines, en giet troch:

gelijk ook wij vergeven onzen schuldenaren.
En leid ons niet in verzoeking, maar verlos ons van den boze.
Want Uw is het Koninkrijk, en de kracht, en de heerlijkheid, in der eeuwigheid. Amen.


Sjoerd freget oan ús Albert at er de twa Dútsers in hân jaan wol. Albert docht it.
Op ’e weromreis seit Flip:
‘‘Wij dachten dat wij naar een begrafenis gingen, wij komen van een bruiloft thuis.’’
In pear manlju fierderop yn ’e trein hearre wat, se komme by ús. Se freegje. It docht bliken dat it fersetslju binne. Ek dan is de Heare der, en de weareld is dan sa lyts.’

Bauk fertelt letter dat in jonge SS-er it keammerke ynkomt, in Hollanner, dy’t tsjin har seit: ‘‘Jullie moeten hèm bedanken,’’ en hy knikt nei Sjoerd, ‘‘want hij is goed voor mij geweest’’. B220

‘Koart dêrnei sil in aalmûzenier fanwegen it finzenisbewâld nei Sjoerd, mar dy achtet himsels in beswierlik boadskipper, lit stean treaster: ‘‘Die man is van gereformeerden huize, daar ben ik zeker niet in thuis.’’
Hy skeakelet dûmeny De Graaf yn. Dy seit letter tsjin ús heit: ‘‘Niet ik heb hem getroost, maar hij heeft mij getroost.’’’

Mient skriuwt deselde deis, 29 juny 1943, oan Jeannette dat Sjoerd folslein rêstich is – en ree. Hy hie oan dûmeny De Graaf ek wat ferteld fan ’e swierrichheden yn syn libben en dat no alles helendal frede wie.

Flak foar de eksekúsje meie Sjoerd-en-dy in lêste winsk dwaan. Sjoerd freget om syn rôze oerstrûper, dy wol er oan ha as er stjert. Hy en Durk hâlde fan dy kleur. Willem Arondéus freget om skûmgebak. Se krije wat se yn dat stoflik opsicht winske hawwe.
Se begjinne op ’e nij te sjongen. B222

Echt en goed
Sjoerd skriuwt in ôfskiedsbrief:
Lieve allemaal,
Het is onnodig jullie allemaal te schrijven hoe precies enz.
Jullie kennen mij allemaal en weten hoe ik was en ben. Ik hoop tot het laatste te blijven wie ik was en alles over te geven wat dit leven betreft. Jullie weten wat ik gevraagd heb: niet in wraak aan mijn dood denken, die op zijn tijd en plaats was, in het groots plan wat wij niet kunnen begrijpen en doorgronden. Ik dank jullie allemaal voor wat je voor mij bent geweest, ook de laatste dagen, het was echt en goed.
Dag, groet allen en bedank allen. Je Sjoerd.
P.S. Zorg voor Ali en groet allen van me. Dag.

Albert skriuwt in fers op Sjoerd:

Morgen is je laatste dag.
Morgen moet je sterven
Morgen sta je voor het peleton
Morgen moet ik je derven.

Jij bent in mijn leven alles geweest
Jij hebt mij het mooiste gegeven

Wat een man aan een man geven kan
Jij hebt je ziel voor mij open gelegd

Lang was de weg van jou hart naar het mijne
Fel scheen de zon en woedde de wind
Wij kusten de bloemen en zagen de zee
Schoon van onze vreugd en schrijnend om leed

Niemand, dan God, weet wat dit was
En wat het altijd zal zijn
Niets kan ons scheiden, wij blijven bijeen
Wij blijven altijd bijelkaar, altijd.

Strijd was je leven en overwinning is je dood
Mijn jongen, mij n held, wat ben je toch groot!
Liefste rust rust nu uit, je hebt het verdiend
Leg je hoofd in mijn schoot en doe je ogen nu dicht.

Ga nu slapen! Als je wakker wordt
Dan ben ik weer bij je!
Dan zien we elkaar weer altijd!
Dag, mijn jingen, tot ziens.


B222

De lêste nacht sjonge se sacht: Een vaste burcht, it Wilhelmus, Wilt heden nu treden, stikken út de Messiah fan Händel. Op 1 july, op in sinnige simmermoarn, wurde se deasketten.

It stoflik omskot fan Sjoerd wurdt fûn yn ’e dunen by Bloemendaal en idintifiseard troch Popke en Durk. Se sjitte fol as in flarde fan Sjoerd syn rôze blûze har oangappet.
Letter hat de herbegraffenis plak, op it Earefjild te Overveen.
Op Sjoerd syn tinkstien stiet: Doch de meeste van deze is de liefde. 1 Korinthe 13 : 57.
B304

Meidieling fan ’e Höhere SS- und Polizeiführer te Den Haach yn ’e Dútsgesinde en antysemitise Leeuwarder Courant, 2-7-1943.
Sjoerd Bakker is nûmer 10

Gerard den Brabander, freon fan Popke, skriuwt op fersyk fan Bet van Beeren, kastleinske fan ’t Mandje, in gedicht op Sjoerd Bakker. B242

IN MEMORIAN SJOERD BAKKER

Nu buigen wij ons leven
Over uw grooten dood,
al wat wij kunnen geven
komt uit den barren nood
ons naar de lippen wellen
en wordt tot klank een stem
en rinkelt in de schellen
van ’t heilig requiem
en heeft ons opgeheven
tot uit dien barren nood
verhief uw kleine leven
tot vaderlandschen dood.

Klik foar ynhâld >>

§ STROFFELSTIEN
Foar Sjoerd Bakker wurdt yn 2021 in stroffelstien oanbrocht foar syn wenhûs anneks atelier, Vondelstjitte 24 te Amsterdam. Sjoerd wennet dêr sûnt 1941 mei Albert. Neist de foardoar hat er syn nammebuordsje: Sjoerd Bakker Couturier.
Dêrfoar wennet er op nûmer 17, mei syn freondin Ali van der Meer en Albert.


VIII.4 Baukje Bakker * Ljouwert, Nijstêd, 1-5-1917 † 2004; wennet by har muoike en omke Wiebigje en Sjoerd Eringa oan ’e Bergselaan te Rotterdam, 1931 ynwenjend faam by de famylje Boot, 1933 faam dêr, mar wer wenjen by tante Wieke-en-dy; komt dêrwei op 27-8-1934 yn Ljouwert, bestjoert dêr de húshâlding fan heit en broers en suskes Bakker yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62; ferhuzet dêrwei op 22-12-1937 nei Almenum (nr 15E); wennet te Leiden, Den Haach, Driebergen; hat in wenpleats te Nes by Akkrum (Bauk fan ’e pleats, neame de Bakkers har gekjeiend)
x Ljouwert 22-12-1937, 20 en 25 jier, tsjûgen binne Bauk har bruorren Popke en Durk, Henderikus Begemann (Henk) * Snits 30-11-1912 † Wassenaar, Landgoed Backershagen 28, 3-1-1990; G; by trouwen ynspekteur libbensfersekeringsmaatskippij, wenjend te Harns; assuradeur te Leiden en Den Haach; sn fan Frederik Adolf Begemann, kleanmakker te Emmen, sûnt 11-5-1909 te Easterein (nr 75), sûnt 7-5-1912 te Snits, en Geertruida Poppen
Bern:
1 Nienke Begemann, folget IX.6
2 Gertrude Begemann, folget IX.7
3 Frederik Adolf Begemann, folget IX.8
4 Dieuwke Begemann, folget IX.9
5 Christina Margaretha Albertina Begemann, folget IX.10

Baukje Bakker.
Fotograaf: F.O. Strüppert, Ljouwert.
BS

Bauk Bakker en Henk Begemann, troud 22-12-1937
TB


Bauk Bakker mei Nienke Begeman.
Fotograaf: Jonker, Leiden; sinjeard.
TB
Baukje Bakker op ’e troudei fan Durk, 9-2-1944.
Fotograaf: Foto Centrale, Haagweg 637, Den Haach.
TB

Bauk Bakker mei Christina Begemann.
TB
Nieuwe Rotterdamsche Courant, 8-1-1990

Klik foar ynhâld >>

VIII.5 Albert Sjoerd Bakker * Ljouwert 29-9-1918 † Amsterdam, Dina
Appeldoornstraat 5 (korrespondinsjeadres) 6-12-1991, 73 jier, [kremeard] Westgaarde, Amsterdam; G, letter Christian Science, Urantia; yn 1938 jongste bankfeint te Amsterdam; wennet 1943 it Singel 108, dêr sitte ek ûnderdûkers; fersetsstrider, distribueart û.o. Vrij Nederland, wurket foar de Persoansbewizesintrale; B156, 167, 211; nei de oarloch redakteur en adjunkt-direkteur bij Vrij Nederland; dêrnei keapman yn ’e rubbelhannel fan broer Popke te Amsterdam; wennet te Laren; fan 1949 oant 1957 wurksum by Philips te Santiago, Chily; dêrnei by Philips te Einhoven; wennet te Son en Amstelveen; B330;
x Amsterdam 19-11-1947, 28 en 34 jier, Grietje Elizabeth Maria Kasemier (Greetje) * Ljouwert 19-3-1912 † Laren 22-3-1995, 83 jier; GT, letter G, Christian Science, Urantia; op har sechde benimt har mem harsels fan it libben, groeit sûnt op yn in bernetehûs; eigner fan in kapperssaak yn ’e Kerkstraat te Amsterdam; 1948 bernefaam te Santago; dr fan Roelof Abele Kasemier, yn 1899, 1905, ’39 mûnersfeint te Drachten, yn 1900, ’11, ’26 dêr arbeider, yn 1900 idem te Oerterp, yn 1909 idem te Warne (Dútslân), yn 1912, ’15 arbeider te Ljouwert, yn 1941 piteroaljesutelder te Drachten, en Tjitske Gauwinga

Wenplakken fan Albert:

-ferhuzet op 14-5-1938 út: Ljouwert nei Amsterdam, Korte Leidsedwarsstraat 222 3 heech, dêr’t syn bruorren Sjoerd en Popke by him yn komme te wenjen, yn twa lytse keammerkes;
-wennet letter Leidseplein 12-boppe
-komt op 23-8-1934 út Bûtenpost yn Ljouwert
-1938 Korte Leidsedwarsstraat, wennet dêr mei Popke, Sjoerd en Emma Hilbrink
-maityd 1939 Frans van Mierisstraat, keamer trjie heech, Sjoerd wennet dêr ek; Ali van der Meer lûkt derby yn
-1940 trijerisom nei de Vondelstraat 17, yn it hûs fan Bert van Eyck
-1941 Vondelstraat 24, wennet dêr mei Sjoerd, Ali bliuwt op nr 17;
-1942: Winschoten, dêr wurksum by Amstleven; B184, 266
-1944 Amsterdam
-1949-1957 Chili
-1957 Amsterdam
-1957-1960 Eindhoven
-1960-1968 Son (NB)
-1968-1970 Sterksel (NB)
-1970-1977 Blaricum
-1977-1991 Vinaros (Spanje)

Albert Bakker op ’e troudei fan broer Durk, 9-2-1944.
Hy draacht it Wurd by him.
Fotograaf: Foto Centrale, Haagweg 637
, Den Haach.
TB
Albert Bakker en Greetje Kasemier trouwe, 19 novimber 1947.
B288-Katern II, pagina 6

Fan links nei rjochts: Gerrit en Tineke Bakker, Jeannette Steen en Albert Bakker, werom út Sjily 5-4-1957, achterhûs op ’e Emmakade.
TB

Albert Bakker.
TB

Klik foar ynhâld >>

§ DE IERAPPELBOAT – ALBERT IST GOTT
Albert wurket yn Amsterdam ûnder in false ferklearring as ynspekteur by it Rijksbureau voor Bouwmaterialen en kin sadwaande guod ferpleatse, ek iten foar ûnderdûkers. Popke hat dy false papieren ek yn ’e bûse. De bruorren wolle de hongerige Amsterdammers per boat oan ierdappels út Bitgummole helpe en dat kinne se allinne foarinoar krije bûten de Centrale Rederij en oare autoriteiten om. B267
Toni Boumans skriuwt dêroer, frij fertaald, B268:
Nei de oarloch fertelt Albert oan syn jonge broers Bram en Sikke hoe’t it gongen wie mei de ierdappelboat.

Albert hie mei in freon út Fryslân de boat sjartere op ’e skippersbeurs yn Ljouwert, mei de false papieren en jild fan Popke. By de famylje yn Bitgum [har omke Arjen Dirks van der Schaaf te Bitgummole] laden se de ierdappels yn. Se fearen út Harns wei mei twa flessen konjak ta har foldwaan.
Yn Koarnwertersân, by de slûs, wurde se tsjinhâlden troch in Dútse patrûljeboat. Twa Dútsers komme oan board om de papieren te kontrolearen. Se hearre dat Albert
Geburtstag hie en dat in slokje skonken wurdt.
Se drinke fleurich mei op, en begeliede de boat oant de Oranjeslûzen by Schellingwoude yn Amsterdam, al sûpendewei.

Henk van Randwijk hat in wat oare ferzy, dy’t er beskriuwt yn In de schaduw van gisteren:
Popke en Albert soenen de missy ûnder lieding fan Albert oangongen wêze foar tsien flessen jenever. As de operaasje folbrocht is, wurdt dat fierd yn in kroech oan it Singel.
In beskonken Dútser hat de earm om Albert hinne en lalt yn brutsen Nederlâns:
Albert ist Gott! De Geest von Albert schweefde über de Sudersee.
De ierdappels wurde by de boat ôfhelle yn in frachtauto mei as sjauffeur Riek Schagen, húshâldster by Popke en Ida. B 269
As de befrijing op 4 maaie fierd wurdt yn it kantoar fan Vrij Nederlkand klimt Albert dêr – lichtelik beskonken – op ’e tafel en ropt: ‘Ik ben de Heere!’ B289

§ DIERBERE OMGONG
Op 26 july 1986 wurdt te Bitgummole in twadde famyljereüny hâlden foar de neiteam fan Mine har heit en mem Durk en Baukje van der Schaaf-de Boer, in smite Van der Schaven, Bruinsma’s, Brouwers en Bakkers. Neef Albert Bakker is ek fan ’e partij.
Hy giet alhelendal op yn ’e smoute petearen mei de mannichte oan migen, dêr’t hy en syn bruorren en susters, doe yn ’e diaspoara, troch de fakânsjes dierbere oantinkens oan ha, en net allinne dat altiten. Mar ik bin Albert en ik bin te plak.
As de moarnssit yn ’e herberch Groot Terhorne plak rommet foar in keatspartij by de eardere Hege Bult, dêr’t Albert-en-dy wol boarten, rinne Albert en syn neef Doekele Brouwer om de bewende keatsperken hinne, oanienwei redendielend. Hoewol’t se beide as striders – fersets- en bestimpele Frysk-strider – wol oparbeidzje kinne, binne se foar teamsport poer ongeskikt, se ha dêr ek gjin ferstân fan en dat kin har neat skele. It binne beide ommers helendal gjin striders. Roppen? Ta striid? Beide net. Mar har blikken kontrasteare goedmoedich mei har keatsende en skôgjende neven yn kompetsjespul. In ûnwillige, dus net bedoelde provokaasje.
Hawar.
Albert en Doekele dogge net mei.
Dat kinne se inoar no tabetrouwe – yn oer en wer ferlet fan hûs út wei fan jongsôf oan.
Albert, in wiere selsskepen moademaman mei heel wat help, yn syn kleurryk trijedelich pak. Filten hoed op, fleurich flinterstrikje foar. In echte Bakker.

Doekele, ek heel kreas yn ’e klean; mei smaak, mar net sa artistyk, oertsjûge fan it fermaaklik algeheel gebeuren. In stive man yn in stiif o sa’n betrouber pak mei ynhâld – en dêr hâldt Albert fan.
Albert syn koartswilich oansteklik praat, bemongen en trochkrongen fan leed en leauwen, bringt Doekele syn dingen yn beweging.
Se binne byinoar beide broas.
Dan nimt Albert Doekele yn ’e earm. Wetige betochte Doekele syn sterke earm, earm yn earm mei in man, syn longerjende neef. Om en om en om it iepen fjild, middenmank wettise sibben.
Sjoch ek: B320.


Nieuwe Rotterdamsche Courant, 7-12-1991.
Zangbundel Johannes de Heer 523:1
Veilig in Jezus’ armen,
Veilig aan Jezus’ hart;
Daar in Zijn teer erbarmen,
Daar rust mijn ziel van smart.

NRC en Trouw, 7-12-1991

Klik foar ynhâld >>

VIII.6 Dieuwke Bakker * Ljouwert, Nijstêd 74, 13-11-1920 † Ljouwert, Diakonessehûs, wenjend Harnzerstrjitwei 13, 6-2-1942, 21 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; G, nei har trouwen NH; komt op 11-7-1933 út Bûtenpost yn Ljouwert, ferhuzet dêrwei op 23-8-1934 nei Haarlem, wennet dêr by har omke en muoike Neel en Tæke Bakker; sûnt 1937 bernefaam by har lettere man; B170
x Ljouwert 18-2-1941, 21 en 35 jier, Philippus Jacobus Hoedemaker (Flip) * Melissant, Goeree-Overflakkee, 23-11-1905 † Ljouwert, Europaplein 3C, 3-12-1980, 75 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; NH; gynækolooch, frouljusdokter te Ljouwert oant 1972; dêrnei haad polyklinyk Akademysk Sikehûs Grins; dosint ferpleechstersoplieding te Ljouwert; sn fan Phippus Jacobus Hoedemaker, grifformeard dûmeny te Melissant, Doesburg, Utrecht en Bilthoven, en Wilhelmina Charlotte Barger; pakesizzer fan Philippus Jacobus Hoedemaker;
Philippus x 1 Reden 18-5-1933, 27 en 25 jier, Gesina Ruijs * Reden 4-5-1907 † Ljouwert 2-11-1937, 30 jier; dr fan Libertus Arend Ruijs, rintmaster te Reden, en Maria Voorhoeve; út dit houlik 3 bern: Wilhelmina Charlotte Hoedemaker, Libertus Arend Hoedemaker en Philippus Jacobus Hoedemaker;
Philippus x 3 Ljouwert 30-11-1945, 40 en 33 jier, Aaltje Stallinga (Zus) * Westernijtsjerk 23-11-1911; G; foar har trouwen húshâldster by har man; dr fan Douwe Pieters Stallinga, yn 1909 bouboer te Nes, Westdongeradiel, yn 1911 idem te Westernijtsjerk, en Hiltje Jans van der Kooi.
Bern út it twadde houlik:
1 Everwijn Hoedemaker, folget IX.11

Dieuwke Bakker en Flip Hoedemaker.
De troujurk, sluier en wale hat broer Sjoerd in soad flyt op dien
.
BS
B144
Dieuwke Bakker mei Everwijn Hoedemaker.
TB

§ DIEUWKE
Dieuwke Bakker is in sterk famke. Op ’e legere skoalle lit se net mei har omboartsje, at it moat fjochtet se lykas in jonge, is it sizzen yn ’e famyljeskaar. Nei it ferstjerren fan har mem ferkast se nei har beppe Dieuwke yn Bûtenpost, mei Popke, Albert en Sjoeke. Brieven oan har heit binne bewarre bleaun. As se fjirtjin is, komt de húshâlding wer byinoar yn Ljouwert – wat is se bliid, lykas de oaren.
As bernefaam by de frouljusdokter dr Philippus Hoedemaker
is se mei de trije lytse bern, Lotje, Bertje en Flipje, o sa op har plak. Hoedemaker is sûnt 1937 widner.
Se begjinne it mei-inoar te mienen en trouwe. Dieuwke is ienentweintich, Flip is fjirtjin jier âlder.
Broer Lammert fertelt letter dat Dieuwke foar har trouwen earst in kursus algemiene ûntwikkeling trochrint, om it statusferskil wat te sljochtsjen. Mar dat is mar foar de sjo, Dieuwke wit fan hûs út heel goed de etikette te hantearen en beweecht har maklik yn Flip syn rûnten.
Twa moanne nei de berte fan har soantsje Everwijn rekket se slim siik. Se wurdt opnommen yn it Diakonessehûs en ferstjert op 6 febrewaris 1942.

Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant,
7-2-1942
Friesch Dagblad en Leeuwarder Courant,
7-2-1942

Klik foar ynhâld >>

VIII.7 Sjoeke Bakker * Ljouwert 28-5-1922; G, yn Kanada Christian Reformed; komt mei fjouwer jier by har beppe Dieuwke op Jeltingahûs te Bûtenpost; sûnt 23-8-1934 by de gesinsherieniging yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62; ferhuzet op 4-5-1937 mei Lammert út Bûtenpost (nr 258) nei Ljouwert; yn ’e oarloch ferpleechster te Hoogeveen (B260); emigreart yn 1954 út Arnhem nei Edmonton, Kanada;
x Hoogeveen 29-8-1945, 23 en 29 jier, Johannes Fokkinga (Jo; yn Kanada nammeferoaring yn: John Folkinga) * Drylts 13-2-1916; militêr, amanuensis te Hoogeveen, letter Edmonton; sn fan Pieter Alles Fokkinga, yn 1905 ûnderwizer te Ie, yn 1916 skoallehaad te Drylts, en Renske Jacobs Hoekstra (ek: Rinsche)
Bern:
1 Johannes Alle Jan Folkinga, folget IX.12
2 Maaike Folkinga, folget IX.13
3 Dieuwke Folkinga, folget IX.14

4 Irene Margaret Diane Folkinga, folget IX.15

Sjoeke Bakker mei har twilling Dieuwke en Maaike.
TB

Maaike, Johannes, en Dieuwke Fokkinga, 1953.
Fotograaf: C.F. de Bont, Nieuwe Plein 49, Arnhem.
TB
Sjoeke Bakker mei suske Tineke, op ’e Westersingel te Ljouwert.
TB

Tineke, Bauk en Sjoeke Bakker, 5-4-1963, op ’e 75ste jierdei fan heit Miente.
Sjoeke komt dan foar it earst sûnt har emigraasje yn1954 út Kanada oer.
De famylje betellet de oertocht.
TB

Durk en Sjoeke Bakker, 5-4-1963.
TB


Sjoeke – út Edmonton te Ljouwert – en Tineke Bakker, te farren te maaie, 1963.
TB
Maaike, Hans, John, Dieuwke en Irene Folkinga en Sjoeke Bakker, Krystfakânsje 1968.
TB

Klik foar ynhâld >>

VIII.8 Lammert Bakker * Ljouwert 21-7-1923 † Amsterdam, Frans Halsstraat, tusken 17 en 20-4-1981, 57 jier, [] Amsterdam, Zorgvlied; wennet nei it opbrekken fan ’e húshâlding te Ljouwert earst by muoike Leen van der Schaaf en omke Jan Searps Bruinsma, bouboeren ûnder Mullum; giet dêrwei nei tante Afke Bakker en oom Pier Eringa op Jeltingahûs te Bûtenpost; sûnt 23-8-1934 by de gesinsherieniging yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62; ferhuzet op 4-5-1937 mei Sjoeke út Bûtenpost (nr 258) nei Ljouwert, se hawwe ûnderwilens sa’t skynt wer yn Bûtenpost wenne; 1946-1948 1ste luitenant Nederlâns Indys Leger by de Ferbiningstroepen te Bandung, West-Java B312; yn ’e simmermoannen reislieder, û.o. by Holland International en American Express, domisylje te Amsterdam, û.o. Prinsengracht, Frederiksplein, Frans Halsstraat; wennet oant 1954 yn Chily dêr’t er Spaans opdocht, hy ken al Ingels en Dúts; yn ’e wintermoannen kok. B329.

Lammert Bakker
BS
Maaike en Lammert Bakker,
se wenje tagelyk by tante Afke Bakker en oom Pier Eringa op it Jeltingahûs te Bûtenpost.
Fotograaf: P. van Eldik, Bûtenpost.
BS
Luitenant Lammert Bakker, as oarlochsfrijwilliger
yn Penang, 1946.
TB
Peter Haagen, Lammert en Miente Bakker,
Jeannette Steen, simmer 1966.
TB

Klik foar ynhâld >>

§ LAMMERT
As mem Mine ferstjert wurdt Lammert oan ’e rynske tafel skood by muoike Leen van der Schaaf en omke Jan Searps Bruinsma, bouboeren op ’e romte ûnder Mullum. Dit Bakkerke hat it net nei ‘t sin op ’e pleats tusken syn fiif grutte nichten en neven dy’t wol niget oan dat glûpich bûkemantsje ha. Mar dit stedsjonkje hat it foar de moade om hyltyd fuort te rinnen. It foltallige gesin Bruinsma hat hâlden en kearen mei it fintsje, Lammert is altyd op reis. In kear duorret syn ûndernimmen wol heel lang. Se fine him sliepend yn in koets yn ’t doarp. De reislust is hjir net mear yn ’e stringen te hâlden.
Nei ryp berie mei Mient, wurdt lytse Lammert dan mar oerpleatst nei it Jeltingahûs, net yn ’e helte fan beppe Dieuwke – dy hat al fjouwer bernsbern ûnder de rokken -, mar yn it part fan tante Afke en oom Pier – dêr’t it jongste suske Maaike pleechbern is.

Oom Pier is net by steat om Lammert yn leafde oan te nimmen. Ut ferlet oan dat basisferlet skipet de jonge famyljesykte tink; nei ‘gelijkgestemden’ ta, dat wol. Sa kûsteret er de tagedienens fan syn neven en nichten, bygelyks Reimer en Doekele Brouwer. Hy opperet dat him no de gemiensumens iepenbieret fan har mem Mine en muoike Anne en it freonskiplik kammeraatskip tusken har heit Mient en omke Gerben Brouwer. Dizze minsken ha yn syn eagen yn har konfesjonelens wat onkonfesjoneels.

As er by neef Doekele Brouwer en Anne Hettema op ’e Twa Damkes útfanhûs komt – swarte of donkerblauwe baret op, útsocht kolbêrke, mei klear gesteven pantalon, kleurich festje – stevenet er nei syn safolleste bûtenlânse reis yn dat Hûs fan Hâldoan rjocht op ’e kuolkast yn ’e keuken ôf.
Om in flesse Jonge Bokma ‘kalt te stellen’.
Anne fersuchtet wer: ‘Lammert, dat hoecht ommers net, der stiet al ien kâld te wêzen.’
‘Twa kin gjin kwea Anny,’ wit Lammert syn sucht.

Under syn itensieden fan it lekkere aparte miel foar ús, nimt er it earste lytse slokje.

Lammert oan it kokkerellen, omstrings 1962
TB

De Jûns ferhellet er oer syn aventueren as gids, fiert er reizgers yn eksoatyske úthoeken fan ’e weareld op as stienen se neist ús yn ’e keamer te orearen. Syn teatrale reisferhalen binne fermaaklik, de neef fan heit is tagelyk oandwaanlik. Al neigeraden de jûn foarderet, krije syn flarden fan ferslaggen groteske trekken en wurdt Lammert sels patetysk, bolderet syn laits. It is fermaaklik, it kin ek te bot.
De oare deis sliept Lammert snoarkjend troch de doarren hinne, noflik syn rûs út. En nei oerfloedich wol beslikke moarnsiten dêr’t er breed de tiid foar útmjit, nimt er Anny mei op stap. Se fiere earm yn earm de Nijstêd oer en Lammert wol foar har nije klean keapje, by P.S. Bakker. Se drinke kofje mei wat lekkers yn ’e Bellevue. Dit is Anne mei in oare man as Doekele sa net wend; se wit dat dit ek Lammert is. En Lammert hat no Anny even fol betrouwen. Dat beide geane se te gast, it is in feest. Dy Lammert. Anny trochsjocht de knypeach – Lammert jonge, altyd dyn ferlet – kom mar, mar hy komt net – even al, en dan wer net.

Soan Roymer sit yn dy tiid mei syn fjirtjin jier op it Grifformeard Gymnasium te Ljouwert, hy kin dy kultuer dêre net útstean – in besiking is ’t. Lammert trunet him oan om troch te setten en stjoert him út alle wearelddielen kaarten mei oanmoedigjende teksten. Dat hoecht om Roymer beslist net. De aansichten út alle mooglike stêden rinne op ’t lêst yn ’e hûndert.
As Lammert dan ris op ’e boppeseal fan it Bitgumer kafee in saneamde Lammert-jûn hâldt, dêr’t er foar famylje en oare belangstellenden ophellet oer syn reizen, fertoant Roymer – sawat ferplichte troch syn heit – de kaarten beplakt en dien op ûneinige stikken fan karton – in besiking. De seal is foar de helte út ’e skroeven, it oare part dat sit mei kromme teannen.
Lammert nimt achterneven- en nichten by him yn syn syn hûs oan it Frederiksplein te Amsterdam, dan wennet Geartrude fan Doekele en Anne dêr, en Durk fan Reimer en Rom. Yn Amsterdam hat er yn ’e kroech ek gauris sibben om him hinne.

As Roymer en Goasse, op harsels wenje, komt Lammert dêr sa no en dan allyksa útfanhûs.
As ik myn artistike aspiraasjes even farre litten ha en bouboer bin op it âlderlik bedriuw te Bitgum, hawwe wy
it deroer dat ik Lammert syn oantinkens en it wjerfarren fan syn neiste famylje in kear op papier sette sil. Ik meitsje dêrta oantekeningen. Lammert fertelt en fertelt. En der komt wat út it selektive ûnthâld boppe.

Lammert fertelt oer syn jierren by Oom Pier Eringa en Tante Afke Bakker op Jeltingahûs. Dat er him dêr sa allinne fielde; Lammert hat in tsjinoersteld karakter as dat fan Oom, hy is boartlik, fleurich en dryst; en djipgeander: Oom fielt wol oan dat Lammert ‘oars’ is en dat kin de man net fele. Tante kin dêr net tsjinop. Dus dêr hat er yn dy sin neat oan – krektoarsom, de swijenden kinne sanksjoneare, op ’e achtergrûn hearskje.
Yn it doarp hyt er: Lammert van de Burgemeester. Ferwachte wurdt dat er in toanbyld is fan kristelike deugdsumens, fan goed fatsoen, dat sûnder lek of brek.
Oom is aloan noartsker en stringer foar syn omkesizzerke. Lammert hat lykwols noch in fleurich karakter behâlden, en syn aard is oars ek ‘oars’. Oom kin Lammert net knetsje sa’t it himsels noasket.
Lammert sil acht jier wêze, as er in kear de dryste skuon oanlûkt. Hy kloppet op ’e doar fan Oom Pier syn hert, nee wurkfertrek.
Ja!
Lammert rint foarsichtich nei ’t oerladen mânsk buro en seit: ‘Oom, morgen ben ik jarig.’
Oom riist oerein, trêdet op de jonge ta – en jout him in klap yn ’t gesicht.
‘Lammert! Het feit dat je een halve wees bent, hoeft nog niet te betekenen dat je hier staat te liegen!’
Tante Afke komt troch de gongsdoar en huveret: ‘Pier, ik geloof dat Lammert waarheid spreekt. Vandaag kwam een ansichtkaart van die Anne Brouwer-van der Schaaf uit Beetgum.


De kleau tusken Lammert en Maaike liket betiden djip te wêzen. Maaike, dy’t yn dit hûs oanhankelike leafde tabedeeld krijt. Mar dat Lammert Oom Pier net oanstiet, besterket krekt de bân tusken bruorke en suske.

Lammert fertelt oer syn broer Durk dy’t yn tsjinst net gedijt. Hysels wie ek poerûngeskikt. Hy lit syn famylje witte: Dit is de grootste vergissing die Hare Majesteit heeft begaan. Ik heb geen draad verstand van het leger, ik salueer maar wat.’’ Syn rang hat er te tankjen oan syn gymnasiumoplieding.
Lammert lûkt paralellelen mei ús Gerben, dy kin ek net oer dat kommandearen, razen, roppen en flokken. Dy smyt sekuer opteard waskguod rebelsk op ’e grûn. Straf. Ik wit net mear wat.
Gerben ís yn wêzen passifist, hy wol út dat militêre onbedriuw. Lammert, dy’t reserve luitenant is, kin foar in S5 soargje. Gerben nimt dat oan; tsjin wil en tank, want sokke kroaden stjonke.
As Gerben ferstoarn is, komt Lammert mei reade eagen op ’e begraffenis. Yn ’e neisit op ’e boppeseal fan herberch By de Grutte Pomp hat ek hy in lykrede. Hy hâldt ús foar: Wees maar trots op jullie S-vijfertje.
Dy wurden dogge ús op dat stuit gjin genûgen.
Dêr hawwe Lammert en ik it letter oer. Lammert kin him dat skoan yntinke. Hy seit: Ik kon het niet aanzien, jullie zaten daar als verschrikte vogeltjes. Vleugellam, geslagen ziel. Het ging over mijzelf Goasse.
En ik sis no dat nei it ferlies fan ús Gerben de sterveling Lammert Bakker my in eigenaardige treast bean hat.


Lammert fertelt oer syn fjouwer âldere bruorren har yllegaal bestean. Hy fielt him skuldich dat er net meidien hat. Syn broers ha neat oan him hân. Of toch wol, hy hat har moreel stipe, al hoe jong er ek wie.
Hy fertelt oer Durk, Sjoerd en Albert har ‘oars’ wêzen. Oer de aparte houliken fan Durk en Albert.

(Sjoch ek: B321)
Ik bin 22, fiel my besterke en tagegelyk benearet my in frjemde takomst.

Neigeraden syn besites in hoart wenst wurde, wint de gemiensumens oan.
Lammert begeart mienskip mei my neffens it flesk. It hinderet neat mear, it is net mear ferkeard – en it bliuwt yn ’e famylje, is Lammert fan betinken. Ik bin der yn dizzen net ta bysteat, dat dat wurdt neat.


Dan rekket Lammert skruten op ’e tekst oer in oare skuld, hy hat it oer syn ferrie.
Flak nei de befrijing sjocht er fuortby har hûs oan ’e Emmakade op in boat in jonge Dútse soldaat, noch yn unifoarm. Se skôgje inoar, wolle beide. Se jouwe har yn it skip oaninoar oer, sereen, fredich en tear.
Lammert sjocht my oan: ‘Mag je me nu nog wel?’
‘Ik ha dy der ek noch leaver om.’


Wy rûke troch it opkeammerke út ’e keuken wei Lammert syn hele lekkere blomkoal, anneks blomkoalsaus, anneks nije ierdappels.
Oanbaarnd.

Wy sette wat fan Bach op.

Klik foar ynhâld >>

§ FERSKIL FAN AARD
Lammert en Oom Pier akkordeare net. Ferskil fan aard yn alle opsichten.

Oom Pier liket fleskwurden macht út ûnmacht. Hy stiet stiif fan ’e tsjerklike en maatskiplike ferantwurdlikheden.
Lammert huppelet fan sielefreugd it leafst hearlik bûten de stringen. Hy wol himsels ferlosse út de otterdokse keatlingen.
Oom Pier is in yngreven puritein. It is in keken man dy’t swart by houlikstrou. Neffens de skeppingsoarder: man en vrouw schiep hij hen. (Genesis 1:27)
Lammert giet yn syn letter libben deropút om yn ’e folop anonime fleislike omgong mei jonges en manlju te ûnderfinen.
Pier is stânfêstich oant syn dea.
Lammert bliuwt op syn sterkst sein lossinnich.

Tineke Bakker: ‘‘Lammert kin úteinlik as jonkje net tsjin oom Pier op. Hy komt in protte by de seis bern fan dûmeny Goslinga* oer de flier. Dêr komt er fan ’e hel yn ’e himel, sa’t er dat belibbet.
Nee, oom Pier is net sa maklik yn dingen. Op ’e begraffenis fan tante Wieke kondolear ik him, hy sit neist dûmeny Goslinga.
As ik dûmeny ek in hân jou, freget dy oan oom Pier: ‘Is dit een zusje van Maaike?’
‘Nee,’ seit oom Pier.
‘Nee? Is dit geen zusje van Maaike?’
‘Nee!’
‘Je zou toch zeggen.’
‘Ja! Het is er één van de tweede uitgaaf.’
Ik lis yn in bocht. ‘Wat is dat een ouwe sukkel,’ sis ik tsjin myn âldste broer. Popke: ‘Hij zegt het met recht Tineke, je bent een herdrukje.’


Popke, dy’t ek in hoart by har op Jeltingahûs bivakkeart, by beppe, stiet oom Pier wol. Mar hy hat de keunst en de leeftyd om mei oom yn syn eigenbelibbing troch te boartsjen. Lammert is te jong. It is hytyd wer oars, der is noat sekerheid. Wurde je no wol, of net aksepteard. It is op ’t lêst gjin fraach mear.

.
Popke is kammeraat mei Simon Goslinga, soan fan dûmeny. Se ha in skarreltsje yn Twizel. It is winter en it is snein. Op ’e Dei des Hearen mei men net fytse, mar rinne is de knapen yn ’e kjeld te fier. Se stippe wat om. Se pakke de fytsen út it fytsehok fan Oom Pier. Werom by tsjuster dogge beide ljochten it net. Se wurde troch oom Pier syn fjildwachter snipt. Se moatte foarkomme by it Sanhedrin. De Kuery hat sit by oom Albert yn ’e foarkeamer yn har grutte hûs yn ’e buorren.
Yn ’e midden setelje oom Pier en tante Afke, links oom Albert en tante Riek, rjochts dûmeny Goslinga en mefrou.
‘En? Popke Bakker?!’ begjint oom Pier.
Popke: ‘Oom, had er dan ook voor gezorgd dat uw lichten het deden. Dan hadden wij hier nu niet hoeven staan’.


Wy hienen it oer Lammert, Lammert is betiden gek mei bern. As se de skuon foar Sinteklaas opsette, hat er yn syn eigen skoech in pûdsje mei sâlt set. Dêr maneuvelet er wat mei om, ik wit net hoe’t er it hat, mar de bern binne slap fan ’t laitsjen.
Lykas elkenien hat Lammert betiden ek syn streken. Neef Hilbrand Bruinsma [restauranthâlder yn it Ald Stasjon ûnder Mullum], bellet op. Tineke, witsto ek wêr’t Lammert bliuwt? Hy soe hjir in oere lyn komme mei in busfol Amerikanen.

Nee, at Lammert him oankundige, makken wy it bêd net earder op dat er yn ’e keamer stie.
Lammert is fûn doe’t er al in skoft dea op bêd lein hie. Dat wol net sizze dat er gjin freonskip ûnderhold, by riten liet er neat fan him hearre. Gelukkich wie ’t in hertstilstân, sûnderdat er it sels dien hie; ja min ofte mear bliid binne je dan ek noch.
Syn lêste fyt wie de klûs by de Nederlandse Bank. Wy moasten witte wat dêryn siet, net sasear om ’e sinten, mar om syn lêste wil oangeande syn begraffenis. Krekt dêrfoar stekke wy de kaai yn ’t slot en dy brekt. Mei in hierspjeld begjint de emplojee der yn om te tyskjen. Lang om let siicht de swiere doar mei in djippe sucht gestadich iepen.
Fiif ryksdaalders, in stik of fjouwer Kennedymunten, wat diploma’s, in pear kleinichheden, en dat is ’t sawat.
Gjin begraffeniswinsken.

Albert hat heel moai sprutsen. By de grêfkûle seit er: ‘Je bent in Gods handpalmen gegrift, wroet je daar maar weer eens uit.’’’


* Cornelis Jakob Goslinga * Bolswert 31-5-1889 † Utrecht 4-6-1983, 94 jier; grifformeard dûmeny te Molenaarsgraaf, Easthim, Bûtenpost; sn fan Simon Goslinga, grifformeard dûmeny te Bolswert, en Maatje Elisabeth Steketee; x Fina Hendrika Bramer * Boksum 29-3-1889 † Grins 2-8-1972, 83 jier; dr fan Gerrit Bramer, grifformeard dûmeny te Boksum, en Geertrui te Raa;seis bern, û.o.:
Simon Tjeerd Goslinga (Siem) * Easthim 14-12-1922 † Beetstersweach 9-5-2014, 91 jier; bankdirekteur; x Tynke Pilat
Gerrit Frederik Christiaan Goslinga * Easthim 11-9-1928 † Amsterdam 5-9-1977; grifformeard dûmeny; x Franske Anna de Jong
Sjoch Redmer Alma, Genealogie Goslinga, VII.7, VIII.13 en 14
.

Leeuwarder Courant en Het Parool, 4-5-1981
Het Parool, 4-5-1981
NRC Handelsblad, 5-5-1981.

Het Parool, 6-6-1981

Klik foar ynhâld >>

VIII.9 Maaike Bakker * Ljouwert 9-4-1925 † Ljouwert, sikehûs, wenjend Emmakade 110, 28-7-1945, 20 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; Maaike wurdt as pleechbern oannommen troch har muoike en omke Afke Bakker (VI.2) en Pier Eringa te Bûtenpost; ûnderwizeres oan ’e Julianaskoalle te Harns.

§ MAAIKE
Op 28 july 1945 komme de Bakkers byinoar oan ’e Emmakade te Ljouwert. Sjoeke kundiget har ferloving mei Jo Fokkinga oan. Maaike kin út Harns wei lifte mei Kanadezen yn in jeep. It is in fleurige boel. Mar dan komt nicht Pietertje van Mourik, ferpleechster yn Ljouwert, oan ’e doar. It wurdt deastil. Dy fertelt dat de Kanadezen by Dronryp tsjin in beam oanriden binne. Maaike wurdt út de auto slingere en fertsjert yn ’t sikehûs te Ljouwert.
Suster Bauk neamt it in kealslach yn ’e famylje: earst Dieuwke, dan Sjoerd en Popke en no Maaike.

B302.

Maaike Bakker
BS
Maaike Bakker
BS

Friesch Dagblad, 2-8-1945
Leeuwarder Koerier, 2-8-1945;
troch krapte by de kranten binne de advertinsjes
fuort nei de befrijing beheind yn omfang.
Opfallend is dat Mient en Jeannette Bakker-Steen yn dizze advertinsje net opnimme litten ha:
Heden nam de Heere tot Zich
.
Friesch Dagblad, 3-8-1945.
Wapkje Kuiken * Kollumerpomp 1-7-1923 † Hurdegaryp 17-10-2011, 88 jier, [] Damwâld; dr fan Jarig Klazes Kuiken en Jacoba Sybrands Offringa (X.4.6).
Friesch Dagblad, 31-7-1945
Maaike Bakker is begroeven neist har pleechmem en -heit

Klik foar ynhâld >>



Grêfskrift:
MAAIKE BAKKER / GEB. 9 APRIL 1925 / GEST. 28 JULI 1945 / PS.73 VS 12 BER. /
Psalmtekst folút:
´k Zal dan gedurig bij U zijn,
In al mijn nooden angst en pijn,
U al mijn liefde waardig schatten,
Wijl Gij mijn rechterhand woudt vatten.
Gij zult mij leiden door Uw raad,
O God, mijn heil, mijn toeverlaat;
En mij, hiertoe door U bereid,
opnemen in Uw heerlijkheid.


VIII.10-14 Bern út it twadde nêst – Mient Bakker en Jeannette Steen

Gerrit, Sikke, Bram, Jeannette, Mient, en Tineke op ’e Emmakade te Ljouwert.
Mient en Jeannet prate Frysk mei-inoar, mei de bern Nederlâns. En dy sizze vader en moeder, net pa en ma, of sa.
TB

VIII.10 Trijntje Janneke Bakker (Tineke) * Ljouwert, Ingelumerstrjitte 8, 14-5-1938; ûnderwizeres te Marrum en Bûtenpost; moadiste, ûntwerpster tonielklean;
Sjoch: Binnenbuitenpost, 2015, Tineke Bakker
x Ljouwert 12-7-1962, skieding 14-3-1973, Pieter Haagen * Amsterdam 24-10-1938; fertsjintwurdiger te Hurdegaryp; sn fan Petrus Jacobus Haagen en Elizabeth Wijmpje Verbree
Bern:
1 Petrus Jacobus Haagen, folget IX.16
2 Jeannette Karin Haagen, folget IX.17
3 Margaretha Albertina Haagen, folget IX.18


Tineke Bakker, oardel jier.
Fotografy: Foto Modern, Wurdumerdyk 14, Ljouwert.
TB
Tineke Bakker.
TB

Tineke Bakker.
Fotograaf: Hollandia, Uitgeest.
TB


Juf Tineke Bakker, ûnderwizeres oan ’e Kristlik Nasjonale Skoalle te Marrum.
Skiednis jûch ik it leafst. Ik hie njoggens en tsienen op ’e middelbere skoalle en in geheugen as in izeren pot.’
Fotografy: Het Scheepje, Dimpte Pol 31, Snits.
TB
Jeannet, Piet, Peter en Margriet Haagen
en Lammert en Tineke Bakker, 11-3-1969.
TB

Tineke Bakker, 18-11-2021.
Foto: Erfgoed Fundaasje

Klik foar ynhâld >>

§ GELIKENIS
As Tineke Bakker geboaren wurdt is de gelikenis mei bern út it earste nêst frappant. Se wurdt mei har skelich eachje oansjoen foar lytse Dieuwke. De foarm fan it gesichtsje hat krekt dat fan Maaike. Har kreativiteit is dúdlik skipe fan Sjoerd en kwa karakter is se sprekend Popke.
Mient komt in kear mei har by tante Ids (VI.4) te Bûtenpost. Dy fertelt letter: Bern, wat waard ik kjel, ik tocht: Dêr is Mient mei Dieuwke!
As omke Doekele van der Schaaf har sjocht, flapt dy der steefêst út: Och myn leave Dieuwke.
Skoansuster Greetje makket itselde troch as dy Tineke alle kearen wer oansjocht foar Maaike.
As Tineke in kear mei har tekstile feardichheden de krante hellet, bellet nicht Bauk Visser-van der Schaaf Mient op: Mient, ik skrok sa. Wat liket Tineke op Maaike! As twa drippen wetter.
En Bauk stapt in kear har atelier yn, sjocht har oan it nifeljen en is fuort oandien: Het is of ik m’n broertje Sjoerd weer terug heb, lieve Tineke.
Tineke seit tsjin har heit: Vader u kunt nooit van mij houwen, want ik lijk op alle vier dooien in de familie.
Vader: Die vier met-elkaar maken jou Tineke.

VIII.11 Gerrit Hendrik Bakker * Ljouwert 18-8-1939; stêfmeiwurker fersekeringsbedriuw te Rijswijk;
x Den Haach 14-10-1964 Maria Borst (Marja) * De Bilt 23-4-1940; ûnderwizeres
Bern:
1 Johanna Eva Bakker, folget IX.19
2 Meont Sjoerd Bakker, folget IX.20



Gerrit Bakker, 7 moanne.
TB
Gerrit Bakker en Marja Borst, Den Haach, 10-4-1964.
Fotograaf: S. Oppelaar, Den Haach.
TB

Gerrit Bakker, 6-3-1969
TB

Gerrit Bakker,
it oargelspyljen wurdt yn dizze famylje mei de brijleppel ynjûn.
TB

Klik foar ynhâld >>

VIII.12 Sikke Bakker * Ljouwert 26-12-1940 † Haarlem 26-6-2017;
x 17-11-1967 Lidy van Heest * Santpoort; learares Rjochten Hegeskoalle Alkmaar
Bern:
1 Gerdi Bakker, folget IX.21
2 Miente Bakker, folget IX.22
3 Sjoerd Bakker, folget IX.23

Sikke en Bram Bakker.
TB

Sikke Bakker, 6-3-1969.
TB

Sikke Bakker, 1969.
TB

VIII.13 Abraham Bakker (Bram) * Ljouwert 28-4-1942; promoveard ekonoom, wenjend te Hillegom;
x Meta van Dommelen * Amsterdam 4-6-1942
Bern:
1 Jeanne Marie Bakker, folget IX.24
2 Anna Jacoba Bakker, folget IX.25
3 Miente Bram Bakker, folget IX.26


Mient en Bram Bakker en Jeannette Steen, begjin 1968.
TB
Bram Bakker, 11-3-1969.
TB

Meta van Dommelen.
TB

Klik foar ynhâld >>

GENERAASJE IX
IX.1 Sjoerd Bakker
* Amsterdam, Diaconessen Inrichting Overtoom, wennet Singel 96, 20-7-1943; opliedingen Gerrit Rietveld Academie, Rijksacademie voor de beeldende kunsten Amsterdam; akwarellist, grafikus, yllustrator, etser, skilder te Amsterdam (atelier Prinseneiland 5) en op Tailân;
frou en soan wenje yn Tailân
Sjoch:
Sjoerd Bakker,
Kunstwerken van Sjoerd Bakker
Archief Amsterdam

De courant Het nieuws van den dag, 22-7-1943
Popke Sjoerd mei Sjoerd.
Foto: Verzetsmuseum Amsterdam.
Sjoerd Bakker.
Fotograaf: J.M. Bakels Jr, Eemsstraat 57, Amsterdam.
TB

Sjoerd Bakker.
Fotograaf: J.M. Bakels Jr, Eemsstraat 57, Amsterdam.
TB

IX.2 Miente Bakker * Den Haach 17-11-1944; matematikus te Uitgeest; sûnt 1-6-2001 te Alkmaar;
x Amsterdam 17-8-1972 Tine Johanna van der Straaten (Tineke) * Enschede 1-2-1946; jurist
Bern:
1 Erin Harriët Bakker * 13-2-1973
2 Joost Miente Bakker * 8-10-1975
3 Mirte Joanne Bakker * 6-8-1978

Miente Bakker.
Fotograaf: A.M.A. Susan, Den Haach

Arie Matthijs Abraham Susan * Den Haach 3-2-1880 † dêr 11-11-1948; Fa. A.M. Susan & Co.
TB

IX.3 Popke Sjoerd Bakker * Amsterdam 22-3-1946 † dêr 13-8-2020, 74 jier, [kremeard Heerhugowaard]; sivyl technikus; byldzjend keunster te Bergen oan See en Ruigoord;
Popke Bakker hat in relaasje mei Cary Dammers * 13-4-1945 † Huizen, Eland 54 , 4-7-1992, 47 jier, [] Amsterdam, Zorgvlied;
Popke Bakker hat sûnt plm. 1989 in relaasje mei Ruth Bouman * Amsterdam 3-6-1948; grafikus, keunstskilder en saksofonist te Almere; dr fan Arie Bouman, jurist en oargelbousaakkundige en Dieuwke Idske Eringa, sjoch IV.4; Ruth is in suster fan Paulus Bouman, sjoch hjirûnder.
Sjoch:
Solarium aan zee
Roukaart
Betinkingsbyienkomst Popke Sjoerd Bakker
Cary Dammers x 1 Paulus Bouman * Amsterdam 9-1-1946 † dêr 28-4-1972; wittenskiplik meiwurker Vrije Universiteit Amsterdam; sn fan Arie Bouman, jurist en oargelbousaakkundige en Dieuwke Idske Eringa, sjoch IV.4;
bern fan Cary Dammers en Paulus Bouman: Jasper Bouman * Amsterdam 26-4-1972 † dêr 15-6-1972 (widzedea);
Cary Dammers w.m. 2 Cornelis Gerardus Adrianus van der Staak (Kees) * Diessen 22-11-1945; amtner Gemeentlike Universiteit te Amsterdam; idem by de Provinsje Fryslân te Ljouwert; idem te Amsterdam, Muiden, Weesp, Huizen;
Ruth Bouman x 1 F. Willemse, keunstskilder; dochter: Sitaloe * Amsterdam 20-4-1973.
Bern fan Popke en Cary:
1 Martha Marijke Bakker
* Amsterdam 11-2-1974

Popke en Miente Bakker, 1951 op ’e beukerskoalle De wilde kastanje.
Fotograaf: J.M. Bakels Jr, Eemsstraat 57, Amsterdam.

Johannes Machielis Bakels * Amsterdam 13-7-1885 † dêr 13-7-1959.
TB
Popke Sjoerd Bakker, troch Hennie van der Vegt, dy’t in seary makke fan allegear markante Ruigoorders. Fan Popke Bakker syn portret binne twa farianten. De iene is yn ’e kolleksje fan Martha Bakker, de oare, hjir ôfbylde, yn besit fan ’e skilder. Oaljerferve op doek, 70 x 12 sm, septimber 2009.
.

IX.4 Geertruida Wilhelmina Sophia Bakker (Truida) * Amsterdam 30-8-1947; twilling mei Martha; amtner te Schagen;
x Zaanstad 20-6-1980 Arnoldus Maria Werkhoven (Nol) * Zaanstad 18-5-1944; marineoffisier

Geertruida en Martha Bakker.
Fotograaf: A.J. Bosch, Okeghemstraat 10, Amsterdam.
TB

IX.5 Martha Sophia Bakker * Amsterdam 30-8-1947 † dêr 24-3-2013;
x Amsterdam 8-12-1972, skieding 1980, Koe Fang Yeh * Amsterdam 6-12-1944; kok te Amsterdam
Bern:
1 Maaike Yeh
* Amsterdam 31-12-1972

IX.6 Nienke Begemann * Harns 12-12-1938; letterkundige; skriuwer te Den Haach;
publikaasje û.o. Victorine, Uitgeverij Bert Bakker, Amsterdam, 1988 ISBN 903510559, biografy fan Victorine Hefting, frou fan Bert Bakker (VI.3.4)
x Wassenaar 25-11-1967 Jan Brugman * Zaandam 9-5-1923 † Den Haach 7-9-2004, 81 jier; 1948-1960 amtner Ministeary fan Bûtenlânse Saken, diplomaat Egypte te Caïro; 1961-1981 heechlearaar Arabys Universiteit Leiden
Sjoch:
Jan Brugman
In Memoriam prof. dr. Jan Brugman troch Gerard-René de Groot
In Memoriam Jan Brugman troch Rudy Kousbroek
-Publikaasjes Jan Brugman Collection
De zuilen van de Islam
Bern:
1 Everardina Brugman
(Eefje) * Leiden 6-9-1968 † 2018
2 Baukje Brugman * Leiden 6-9-1968; 1988-1994 stúdzje Rjochten Universiteit van Amsterdam; 1996-1997 editor Uitgeverij J.M. Meulenhoff; 1999-2008 idem De Bezige Bij; sûnt 2005 freelance editor De Arbeiderspers, Nijgh & Van Ditmar; sûnt 2008 freelance editor (bygelyks Jan Wolkers, Henk Hofland, Hanneke Groenteman); 2009-2010 freelance sponsorwerver Stichting De Talentenschool; freelance editor 2011-2012 Uitgeverij Balans
3 Jan Elbert Hendrik Brugman * Leiden 24-9-1973

IX.7 Gertrude Begemann * Leiden 22-4-1940; dosint Ingels;
x 1 Jan Adrianus van Dorsten * Den Haach 14-3-1933 † 29-7-1985; geolooch te Leiden;
x 2 Den Haach 2-5-1986 Wolgang Kunze * Den Haach 14-4-1933; geolooch te Den Haach
Bern út it earste houlik:
1 Anna van Dorsten
* Leiden 21-5-1965
2 Emma van Dorsten * Leiden 3-9-1966; hotelhâlder Best Western Hotel Den Haach

Gertrude Begemann en Anna van Dorsten,
22-5-1965.
TB

Anna en Emma van Dorsten, 1968
TB

IX.8 Frederik Adolf Begemann * Leiden 30-12-1942; andragolooch te Amsterdam

IX.9 Dieuwke Begemann * Leiden 22-4-1947; andragolooch; management consultant te Den Haach;
x, skieden yn 1992, Lou Clemens Maria Moll; neurolooch
Bern:
1 Peter Moll
* Utrecht 2-3-1976
2 Rosemarie Moll (Roosje) * Den Haach 30-11-1978

IX.10 Christina Margaretha Albertina Begemann * Den Haach 3-1-1959; andragolooch;
x Ed Kuyper * Utrecht 31-3-1957
Bern:
1 Sophie Kuyper
* Utrecht 1-11-1988
2 Sybren Christiaan Kuyper * Utrecht 20-9-1991

Christientje Begemann.
TB



IX.11 Everwijn Hoedemaker (Eef) * Ljouwert 30-11-1941; boskbousaakkundige; keapman te Aldergrove, B.C., Kanada;
x Limehouse, Ontario, 9-10-1965 Alice Florella Booth * Oakville, Ontario, 29-1-1942; fysioterapeut
Bern:
1 Sygne Hoedemaker
* Vancouver 17-9-1971
2 Joanne Hoedemaker * Van couver 15-9-1972
3 Kim Hoedemaker * Vancouver 19-11-1974

Everwijn Hoedemaker, Eef.
Neamd nei syn oerpake Everwijn Gerrits Barger (Nigtevegt 1846-Amsterdam 1917),
NH dûmeny te Lunteren, Maasluis, Haarlem.
Fotograaf: M. Mellema, Ljouwert.
TB

Alice Booth, Sygne, Joanne en Eef Hoedemaker, 1970.
TB

IX.12 Johannes Alle Jan Folkinga (Han, Hans) * Hoogeveen 20-7-1946; kompjûter- en systeemanalist te Edmonton, Alberta, Kanada; yn 2021 608 Henderson St Nw Edmonton AB T6R1S4;
x Edmonton 7-6-1986 Gertruide Francka Merc * Birmingham, Ingelân, 27-8-1953; ferpleechkundige

IX.13 Maaike Folkinga * Hoogeveen 5-10-1950; twilling mei Dieuwke; life skills councellor;
x 1, skieden, Michael Charles Whelpley * Edmonton 12-7-1947; fotograaf, gids;
x 2 6-7-1981 Kurt Wilhelm Schoendorfer * Manning, Kanada, 18-10-1957; boer
Bern út it earste boask:
1 Tine Michelle Whelpley
* Vancouver 9-4-1972
Bern út it twadde houlik:
2 Kurt Johannes Schoendorfer
* Edmonton 1-9-1981
3 Karl Christian Hans Schoendorfer * Calgary 8-8-1983
4 Kina Thompson Schoendorfer * Calgary 14-7-1985

Maaike en Dieuwke Folkinga, dan noch Fokkinga.
TB

Maaike Fokkinga, 1967.
TB

IX.14 Dieuwke Folkinga * Hoogeveen 5-10-1950; twilling mei Maaike; hearing impaired assistant te Fox Creek, Alberta, Kanada;
x Peter Stuart Meier * Chicago, Illinois, 15-6-1948; oannimmer yn ’e bou
Bern:
1 Nienke Irene Meier
* Calgary 15-1-1977
2 Sieuwke Doreen Meier * Calgary 4-4-1979

Dieuwke Fokkinga, 1967.
TB

IX.15 Irene Margareth Folkinga * Edmonton 20-11-1958; office manager;
x Calgary 1-4-1989 William Jacob Labelle * Port Arthur, Kanada, 23-12-1959; meubelmakker

IX.16 Petrus Jacobus Haagen (Peter) * Hurdegaryp 1-10-1963; jurist te Breda;
w.m. Cobien van ’t Riet * Monaco 15-10-1964

IX.17 Jeannette Karin Haagen * Hurdegaryp 17-10-1964;
x Godfried Michaël van den Wijngaard * Amsterdam 25-1-1962

IX.18 Margaretha Albertina Haagen * Bûtenpost 18-1-1966; runt in bûtyk yn eksklusive klean

IX.19 Johanna Eva Bakker (Jolanda) * Den Haach 23-2-1966; kompjûterprogrammeur;
x Lingewaal, Tielerwaard, Gelderlân, 4-10-1991 Hendrik Cornelis van der Waal (Henk) * Rotterdam 22-10-1963; projektlieder oannimmersbedriuw
Bern:
1 Maria van der Waal * Schoondijke 24-7-1992
2 Helena van der Waal * Schoondijke 1-4-1994

Jolanda Bakker.
TB

IX.20 Meont Sjoerd Bakker * Den Haach 9-7-1968; kompjûterprogrammeur/systeemanalist;
x Choziez, Poalen, Agnièszka Strzelewicz * 8-2-1974
Bern:
1 Kris Sjoerd Bakker
* Ede 6-5-1995

IX.21 Gerdi Bakker * Amsterdam 19-6-1968 † 29-12-2012; ekonoom

IX.22 Miente Bakker * Amsterdam 7-1-1971; jurist

IX.23 Sjoerd Bakker * Amsterdam 3-7-1973; planolooch

IX.24 Jeanne Marie Bakker * Amsterdam 23-1-1972; stúdzje Ingels

Mient Bakker, Jeannette Steen en Jeanne Marie Bakker, 6-4-1974.
TB

IX.25 Anna Jacoba Bakker * Haarlem 3-12-1976

IX.26 Miente Bram Bakker * Haarlem 7-5-1978

Copyright Erfgoed-Fundaasje 2021

Wurdt fuortset