Frysk en Frij
Kronyk – yn wurding
Dit is in Kronyk yn wurding, want de wichtichste boarne foar it skriuwen dêrby is it mânske argyf fan Frysk en Frij sels, dêr’t yn detail it wjerfarren dokuminteard is oangeande taal, literatuer, sjoernalistyk en polityk. Mar dat argyf is by Tresoar. En as men dat rieplachtsje wol, ferget dat in stúdzje op himsels. En sil boppedat moannen tiid opslokke, omdat men twa kear fjirtjin meter trochwrotte moat om in dokumint te finen.
Dat argyf is tweintich jier lyn yn brûklien oerdroegen oan it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum mei de betingst dat it ûntsletten wurde soe. Oan dy betingst is net foldien. By de fúzje mei Tresoar likemin. Dat wol sizze dat FLMD en Tresoar har rjochten ferspile ha.
It doel is dat Frysk en Frij dat argyf yn it jubeljier 2023 weromkrijt, it ûntslút en it iepensteld foar wittenskiplik ûndersyk, yn ’t algemien belang. Sjoch: Frysk en Frij 80 jier 1943-2023
Dan kin oan dizze Kronyk yn wurding ek oan ’e hân dêrfan fierder skreaun wurde troch it sekuer beljochtsjen fan histoaryske feiten út dy wêzentlike boarne.
No wurdt yn dizze ‘kronyk-achtige’ opset de libbensrin fan dit blêd beskreaun oan ’e hân fan stikken út it blêd sels en krantestikken – foarearst benammen út de Ljouwerter Krante – en berjochten fan Omrop Fryslân en boppedat mei help fan ynformanten. ‘Hoar en wederhoar’ dus. Sadwaande groeit dizze argivearing geandewei mei oanfullingen en rjochtsettingen.
Hooplik draacht dit epistel no al by oan mear en better begryp.
Guon wolle net meiwurkje om’t it gean soe om it opheljen fan âlde kij – heel begripelik; it giet lykwols om helderder sicht op wat west hat – opskerpje ta Learing en Fermaak. As it even kin.
Dat sa’n ûndernimmen foarlopich fierders folop wurk yn útfiering bliuwt, is it foardiel fan it brûken fan internet. Sa wurdt ek oan it trochblêdzjen fan ûnderskate tydskriftenûmers (de saneamde ‘sliders’) noch wurke en allyksa oan bystellen en oanfullen fan yllustraasjes en oare dokuminten, list fan meidoggers ensfh., de ynhâld navenant.
Bydragen graach nei: info@erfgoed-fundaasje.nl.
Frysk en Frij is oarspronklik in fersetsblêd út de Twadde Weareldoarloch dat yn 1943 fan ’e grûn komt, it fiert sadwaande yn 2023 har 80-jierrich bestean, sjoch: Frysk en Frij 80 jier 1943-1923.
Yn 1944 ferskynt it earst yn beskieden beskreaune bôgen en op 1 oktober 1944 sjocht it yn Utrecht en te Bolswert yn druk it ljocht.
It libbet nei de besetting folop en hat op syn hichtepunt mooglik 20.000 abonnees. It blêd krijt tenei yn frijheid allegeduerigen te kampen mei jildkrapte fanwegen it lytse taalgebiet. It ‘sliept’ fan 1966 oant 1972, krijt syn draai wer begjin santiger jierren, groeit, floreart as famylje- en opinyblêd, mar wurdt yn 1997 opheft – it tydskrift is dan seis jier sûnder strukturele oerheidssinten útbrocht en de redaksje kin gjin kwaliteit mear garandeare.
Dêrmei ferdwynt tagelyk in poadium foar Frysktalige sjoernalistyk en in kweekfiver foar literêr talint.
Undersyk: Erfgoed Fundaasje.
De measte skriuwers dy’t hjirûnder neamd wurde, hawwe in eigen wikipediapagina. By guon dêr’t op internet net sa’n side stiet, is hjir foar mear ynformaasje in relevante link werjûn. Dat jildt ek foar sommige saken.
Fierders wurdt fierhinne net mei links wurke omdat wy de lêzers net fuortstjoere, c.q. tefolle ôfliede wolle, útsein foar it gemak by inkelde fotoûnderskriften.
Erfgoed Fundaasje hat Frysk en Frij as wittenskiplik ûndersyksprojekt oanbrocht by de Noordelijke Hogeschool, de Ryks Universiteit Grins en Windesheim, skoalle foar sjoernalistyk te Swolle. Diel-aspekten lykas taalpolityk, poadia foar Frysktalige sjoernalistyk en -literatuer befetsje nijsgjirrige stof foar in ôfstudearskripsje, ek al om de linen nei de aktualiteit fan it politike spul en kultuer-histoaryske rolpatroanen.
Sjoch:
Diel-aspekten ûndersyk.
Frysk en Frij wikipedia
Dit projekt komt ta stân mei stipe fan:
– Boersma-Adema Stichting, Ljouwert
– Van Heloma Stichting, It Hearrenfean
– Jacob Krol fûns, yn behear by de Stichting Fryske Akademyfûns, Ljouwert
– Old Burger Weeshuis, Ljouwert
– Provinsje Fryslân
Ynhald
- Oarsprong – 1943-1944
- Fuortsetting – 25 maaie 1945 -1945
- Ferlet fan in fersetskarakter – 1945
- De foargonger Sljucht en Rjucht – 1890-1941
- It earste nûmer fan 1964 – 1964
- It lêste nûmer foar de seisjierrige sliep – 1966
- Lêste suchten -1966
- Oantinkens fan Durk van der Ploeg
- Nij begjin -1972
- Klaas Jansma hellet op
- Mear abonnees, mear losse lêzers – 1973
- Froukje Annema: Populêr gewoan
- Fan twa-wykliks tydskrift nei wykblêd – 1974
- Ate de Jong yn ’t perk
- Deputearre Steaten: gjin stipe mear – 1987
- Bedrijfsfonds voor de Pers -1988
- Unôfhinklikheid – 1989
- Brede formule
- Nijjiersborrels en sa
- Kweekfiver
- Oantal abonnees
- Stipefûns Frysk en Frij – 1990
- Sympoasium Frysktalige sjoernalistyk 100 jier – 1990
- Wikseling bestjoer – 1990
- Op ’e nij in soap fan jildskoaierij – 1991
- Omrop Fryslân Radio oer Frysk en Frij – 1966-1997
- Stimmingmakkerij – 1991
- Iepen brief – 1991
- Oare gadingmakkers – 1991
- Lêzers dogge har sechje – 1991
- Twa-wykliks magazine – 1992
- Deputearde Johanneke Liemburg oer manko’s – 1992
- Geheim provinsjaal rapport – 1993
- Fragen oan âld-deputearde Johanneke Liemburg en har replyk
- Moanneblêd – 1994
- De F-Side – 1994
- Strikel-redaksje foar part nei FF – 1995
- Jubileum fyftich jier – 1995
- Komitee fan Oanbefelling -1996
- Fragen oan âld-deputearde Bertus Mulder en syn replyk
- Fragen oan Sipke Castelein, ‘ynterim-manager’
- Omrop Fryslân TV oer Frysk en Frij – 1996
- FuortSmytKatern -1997
- Benefytmanifestaasje – 1997
- De ein -1997
- Volkskrant: Friese gezagsdragers verlost – 1998
- Meiwurkers
- Noch hyltyd ferlet? – 1998
- Fûzje – 2021
- Jubeljier – 2023
Oarsprong
Frysk en Frij ûntstiet yn 1943 út de yllegaliteit – fergelykje de namme mei Vrij Nederland. De striidgjalp stammet út de iere Midsiuwen, yn it Aldfrysk is de pearformule: Fry ende Freesk.
Sjirk Frânses van der Burg, dan studint fee-artsenijkunde te Utrecht, letter bistedokter op ’e Lemmer en te Lippenhuzen, begjint yn 1944 mei it fersprieden fan in skreaun pamflet fan twa kantsjes A5 ûnder dy namme.
Sjirk Frânses van der Burg
Foto nommen by de Kneppelfreed-betinking yn 1986.
Foto: Sirkwy
Meiwurkers fan ’e earste oere binne Eeltsje Boates Folkertsma, Jan Piebenga, Douwe Annes Tamminga, Anne Wadman, Pé Faber en prof. dr. Jelle Hindriks Brouwer. De fersprieding rint fia Trouw-kontakten. It earste nûmer fan dat Fryske bledsje ferskynt yn Utrecht, dêr’t de studint Pé Faber in hânparse ta syn foldwaan hat. It twadde nûmerke wurdt te Bolswert printe troch A.J. Osinga. Fan it tredde nûmer rekket de kopij fuort by de posterijen.
Yn ’e oarlochstiid ferskine noch fjouwer útjeften. Nei de sande útjefte komt in ein oan ’e besetting. Dêrnei sjocht it blêd legaal it ljocht.
Eeltsje Boates Folkertsma
Hjirûnder de teksten fan ’e yllegale pamfletten, oerbrocht yn de nije stavering – earder publiseard yn it Jubileumnûmer by it 50-jierrich bestean: Frysk en Frij 50 jier – De wûndere libbensrin fan in strider, 25 maaie 1945 – 25 maaie 1995.
Fuortsetting – 25 maaie 1945
Nei de befrijding komt op 25 maaie 1945 it earste nûmer fan it wykblêd Frysk en Frij út. It is in mienskiplike útjefte fan it Selskip foar Fryske Taal en Skriftekennisse, it Roomsk Frysk Bûn en it Bûn fan Frysk Nasjonale Jongerein. It blêd bloeit nei de oarloch folop en it tal abonnees rint mooglik op oant 20.000, mar dêr binne gjin bewizen foar bybrocht. It is de bedoeling dat it blêd faker as ienkear yn ’e wike ferskine sil, safier komt it lykwols net.
De redaksje bestiet yn 1945 út Jan Jelles Hof en Johannes Klazes Dykstra beide binne ‘bistjûrders’ oant 21 juny 1946. Hjirûnder in yndruk fan ’e ynhâld werjûn yn it jubileumnûmer Frysk en Frij 50 jier – De wûnderlike libbensrin fan in strider, 1995.
Yn dizze kronyk stean fierderop lêsbere ôfleveringen.
Foto: Sirkwy
Ferlet fan in fersetskarakter
It legale Frysk en Frij is de opfolger fan Sljucht en Rjucht. It krijt lykwols de namme Frysk en Frij, want de oprjochters binne fan betinken dat de titel ûntliend wêze moat oan in fersetsblêd. Yn maaie fan 1945 wurdt yn ’e Trije Romers te Reduzum keazen foar Frysk en Frij omdat dat pamflet fan alle yllegale bledsjes it sterkste en meast útsprutsen fersetskarakter hân hie.
Hjirûnder in gearfetting fan de skiednis fan it yllegale Frysk en Frij, oernommen út it Jubileumnûmer by it 50-jierrich bestean.
De foargonger Sljucht en Rjucht
Sljucht en Rjocht is oprjochte yn 1890 en opdoekt yn 1941.
Hjirûnder in greep út de de ynhâld.
Hjirûnder it earste nûmer fan Frysk en Frij nei de oarloch, 25 maaie 1945. It blêd komt m.y.f. 1 juny alle wiken út op in formaat fan 32,5 x 24 sm
Mei yngong fan 12 oktober 1945 komt it wykblêd út op hast Tabloid-formaat: 40 x 27 sm (Tabloid is 432 x 279 mm)
Op 21 juny 1946 wurdt dr Ype Poortinga haadredakteur. Hy nimt ôfskie fan syn foargongers de hearen J.J. Hof en J.K. Dykstra
Yn ’e sechstiger jierren binne redakteur Jan Bearn Singelsma, Pieter Terpstra, Boucke Visser en Durk van der Ploeg, oant de lêste sike yn 1966; Van der Ploeg wurdt m.y.f. 1 jannewaris fan 1967 redakteur fan it literêr tydskrift De Tsjerne. Fêste meiwurker is Simke de Haan.
Foto: Sirkwy
Foto: Sirkwy
It earste nûmer fan 1964
Hjirûnder it earste nûmer fan 1964 (3 jannewaris) , acht siden. It abonnemintsjild wurdt ferhege.
It lêste nûmer foar de seis-jierrige sliep, 28 oktober 1966
Fermiddens fan leafhawwers, bewegers en lju dy’t it belang fan in Frysk wykblêd ûnderstypje ha noed mei de takomst fan Frysk en Frij. Yn rûnten fan it Kristlik Frysk Selskip bygelyks, wurdt praat om har eigen blêd, De Stim fan Fryslân, fuort te setten as meidielingsorgaan en de sjoernalistike helte oer te dwaan oan Frysk en Frij. Foarsitter Rein Boomgaardt dielt lykwols yn ’e hjerstgearkomste op 22 oktober 1966 mei dat soks reëel net útfierber is. It Selskip kin har eigen frijstelde troch te min oan pekunia ek al net oanhâlde.
Yn it algemien stiet it der net sa florisant foar mei de Frysktalige media en organisaasjes. Yn ’e Jiergearkomste fan de Ried fan de Fryske Biweging op deselde sneon, makket foarsitter drs Rindert Straatsma dêr gewach fan en yn ’e Hjerst Miene Gearsit op sneon 26 novimber 1966 fan it Frysk Nasionael Boun komt foarsitter Douwe Hermans Kiestra allyksa mei sokke lûden.
Haadredakteur Noordmans fan ’e Ljouwerter Krante neamt it ferswinen fan Frysk en Frij in swarte dei.
Fragmint út in ferslach fan ’e hjerstgearkomste fan ’e Ried fan de Fryske Biweging yn 1966.
Leeuwarder Courant, 22-10-1966
Leeuwarder Courant, 24-10-1966
Leeuwarder Courant, 28-11-1966
Haadartikel fan Jacob Noordmans.
Leeuwarder Courant, 24-10-1966
Lêste suchten
Hjirûnder de Ljouwerter Krante oer de lêste suchten fan Frysk en Frij yn ’e hjerst fan 1966.
Op 28 oktober 1966 ferskynt it lêste nûmer, foardat it yn 1972 wer opstiet. De redakteuren Piter Terpstra en Durk van der Ploeg deabetinke har blêd, Akke de Ka allyksa, sjoch hjirûnder.
Oantinkens fan Durk van der Ploeg
Erfgoed Fundaasje leit Durk van der Ploeg op 30-1-2022 wat fragen foar oangeande syn tiid by Frysk en Frij. Van der Ploeg mailt as antwurd, 31-1-2022, 18:00 oere (by dizze skiedsskriuwing kinne betiden tiid en oere rieplachte wurde):
Nij begjin – jannewaris 1972
Frysk en Frij wurdt yn jannewaris 1972 in nij bestean ynblaasd – it hat seis jier sliept, is de belibbing by de lju dy’t ferlet ha fan in ûnôfhinklik Frysk tydskrift. Driuwende krêft is H. de Boer (hy brûkt syn foarnamme yn syn funksje as karnteman noait folút), dy’t op dat stuit redakteur by de Leeuwarder Courant is. Hy set it blêd op mei help fan sa’n hûndert partikuliere jildsjitters en rjochtet de Stifting Jacobus van Loon op mei as bestjoerders dr Liuwe H. Bouma, foarsitter; drs Rindert Straatsma, skathâlder; Marinus de Boer, skriuwer; drs Sybe Sybrandy en Anne Bokma.
Frysk en Frij ferskynt mei yngong fan 1 jannewaris 1972, earst ien kear yn ’e moanne.
Salang’t H. de Boer by de Ljouwerter Krante besteld is, nimt Klaes Jansma de honneurs as redakteur nei bûten ta waar. Hy stelt himsels foar op side 6. Dêr wurde ek de jildsjitters nei foaren helle.
Op side 2 stiet it doel fan ’e útjouwer beskreaun, benammen: ‘it befoarderjen fan de Fryske kultuer en it mienskipslibben yn it ferbân fan de regio.’ Op side 5 wurdt útienset wêrom’t de stichting dy’t it blêd utjout mei de namme Jacobus van Loon optoaid is.
Troch in ynstutsen brief wurdt in proefnûmer oanbean om nije abonnees te wervjen:
Klaas Jansma hellet op
Klaas Jansma hellet op oer syn tiden by Frysk en Frij, n.o.f. fragen fan Erfgoed Fundaasje, 7 en 8-2-2022
-
Myn earste driuwfear wie om foar in part as wurkstudint myn eigen lean te fertsjinjen. It sil yn augustus 1971 west ha dat Marinus de Boer, de r.k. sjef Provinsje Redaksje fan it Friesch Dagblad, my nei Henk de Boer yn Kûbaerd stjoerde om oer wat nijs te praten.
Yn ’t nije oanbegjin ferskynt Frysk en Frij as moanneblêd, fan 8 siden, yn july en augustus komt it net.
Yn 1973 wurdt it alle trije wiken útbrocht en nei ferrin fan tiid ienkear yn ’e fjirtjin dagen en mei yngong fan septimber 1974 oant 1992 is it wer in wykblêd, tanksij provinsjale subsydzje. Omdat it blêd yn in minderheidstaal ferskynt yn in navenant lyts taalgebiet kin it – lykas syn foargongers – net sûnder oerheidsstipe. De ferantwurdlike deputearre fan 1975 oant 1986, Jaap Mulder (A.R.P., sunt 1980 C.D.A.), sjocht it taalbefoarderingsbelang dêrfan yn en nimt it dêrfoar op yn ’e Steaten.
Jakob Mulder
As Frysk en Frij in healjier ferskynd is, docht it in smeet op f 210.00,00 provinsjale stipe. Sjoernalist Piter Terpstra, redakteur fan it eardere Frysk en Frij, opperet dat fan De Stiennen Man (it tydskrift fan de Ried fan de Fryske Beweging), De Stim fan Fryslân (it moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip) en Frysk en Frij ien produkt makke wurde kin, oer de ynhâld fan syn it tsjinstwurdige Frysk en Frij is er net te sprekken: ‘hwent wat yn Frysk en Frij stiet, kin men earne oars ek lêze‘.
Fryske tydskriften komme betiden yn inoars farwetter, dat sil desennia lang oanhâlde.
Mear abonnees, mear losse lêzers
Sûnt it nije begjin wurdt faart set mei it oanwinnen fan nije lêzers en leafst beteljende abonnees. Sa wurdt yn 1972 in ynstruibrief by it blêd tafoege:
De jildsjitters dy’t it blêd finansjeel mei op poaten holpen ha, wurde m.y.f. 1974 útlotte. Se kinne har sinten skinke of weromstoart krije, dat wurdt publiseard:
Sûnt 27 april 1974 wurdt in list fan saneamde Mearbitellers pleatst. By de earste opsomming binne dat sa’n fiifensantich, fjirtjin dagen letter stean yn ’e rige fan har dy’t mear as f 10,00 oermakken in fyftich lju, de pear wiken dêrnei allyksa. Yn oktober binne it tsien, letter rint it wer op.
En ‘sûnder adfortinsjes kin gjin krante draeije’, stelt de kranteman. Ynkomsten dêrút komme ek fan lêzers; :
Froukje Annema-Noordenbos: Gewoan populêr
(Berchhuzen ûnder Easternijtsjerk 1941-De Rottefalle 1998)
Froukje Annema har jongste bydrage oan Frysk en Frij ferskynt wierskynlik yn 1973, mar de nammen stean der dan noch net altyd by
Ien fan ’e earste en fitaalste meiwurkers mei de langste adem is Froukje Annema-Noordenbos. Se is sawat 25 jier alle wiken presint mei in reportaazje, yn ’e sfear fan human interest. Smûk, gesellich, fertroud. Noflike kost. Belangstelling foar de meiminske, sûnder opskik, noch sensaasjesucht. Har sjoernalistike stikken en ferhalen wolle der wol yn; en ek dy meitsje Frysk en Frij ta grage waar; populêr is se boppedat troch har romans, tonielstikken en lêzingen foar de Plattelânsfroulju, dy’t se sels sels promoat mei de bekekjeiende titel: Tusken typmasine en ôfwaskkwast. Sukses. Kollega-skriuwers ha dêr serieus stikem de gek mei - ordinêre literêre kinnesinne. Fleurich op, op ’e flitter - oant it opheffen yn 1997. En hoewol absolút gjin leafhawwer fan flauwekul en strideraasjes, docht se mei oan it FuortSmytKatern fan hoe’t it net moat en leveret se dêrta toch in bydrage fan mei opsetsin dus gjìn kaliber. Postúm komme by Utjouwerij Frysk en Frij fersen en ferhalen fan har út.
Fan twa-wykliks nei wykliks
Op 31 augustus 1974 is Frysk en Frij feroare fan twa-wykliks tydskrift, fan acht siden it nûmer, nei wykblêd, fan acht siden it nûmer. Troch gearwurking mei it famyljeblêd Kontakt kinne de swetten útlein wurde. Haadredakteur Klaes Jansma docht ferslach op ’e foarpagina.
Yn ’t perk
Ate de Jong fertelt oer syn wjerfarren yn ’t Frysk en Frij-perk, 7-2-2020
Deputearre Steaten: gjin stipe mear
Kultuer-deputearde Jaap Mulder wurdt yn april 1987 opfolge troch Johanneke Liemburg, deputearde foar de Partij van de Arbeid oant april 1994.
Hja komt op 18 desimber 1987 mei it útstel om de stipe foar Frysk en Frij yn te lûken fanwegen te min abonnees, brek oan bestjoerskrêft by Frysk en Frij en idem oan sinten by de Provinsje. Hja krijt de mearderheid yn ’e Steatekommisje Wolwêzenssaken fan 8 jannewaris 1988 net mei want de measte steateleden wolle dan in Frysk wykblêd hâlde.
It bestjoer fan Frysk en Frij stelt dat ynlûken fan subsydzje yn striid is mei it taalbefoarderingsbelied.
Abonnees, meiwurkers, skriuwers, taalwittenskippers en politisy wolle Frysk en Frij net misse. Hjir in oersicht fan lûden út it fjild wei.
Hjirûnder in Reportaazje fan Omrop Fryslân oer it subsydzjedebat yn de Steatekommisje Wolwêzenssaken fan 8 jannewaris 1988.
Oan it wurd komme achterienfolgjend, Goasse Brouwer, ynsprekker út namme fan Frysk en Frij; Johannes Boorsma, steatelid foar de Partij van de Arbeid; Harke van der Meer, direkteur fan De Friese Pers B.V.; Johanneke Liemburg; Rindert Straatsma, bestjoerslid fan Frysk en Frij; en Heine Keuning, foarsitter aksjeploech ‘Frysk en Frij moat bliuwe’.
Om in takomst foar in Frysk wykblêd mooglik te meitsjen wurdt praat oer gearwurking fan Frysk en Frij mei oare Frysktalige skreaune media, soks ûnder auspisiën fan de Ried fan de Fryske Beweging. De redaksje fan Frysk en Frij sil dêrby ûnôfhinklik bliuwe. Redakteur Johan Oppewal ferdútst ien en oar yn in fraachpetear mei Sjouke Louwsma fan Omrop Fryslân Radio:
Sytse-Jan van der Molen, meiwurker skiednis, freget nei ’t er wiis is yn syn ynstjoerd stik: Nekke fan Frysk en Frij.
Noch profesjoneler? skriuwe de meiwurkers Siemy de Boer, Meindert Nicolai en Floris Schuurman. Se benutte har Wurkûnderfingsplak om letter yn in betelle baan te rûgeljen. Dat slagget alle trije.
Deputearde Liemburg reageart op de Te Gast fan Tony Feitsma yn ’e Ljouwerter Krante fan fiif dagen earder.
Heine Keuning, foarsitter fan de aksjeploech Frysk en Frij moat bliuwe, reageart op in ferslach yn ’e Ljouwerter Krante fan ’e Harksitting op 18 jannewaris oer Frysk en Frij en skriuwt op wat er dêr wol en net sein hat.
Keuning wie steatelid foar de Partij van de Arbeid (1966-’78, sûnt 1974 fraksjefoarsitter) en lid fan ’e Twadde Keamer (1979-’81).
Neffens literator Anne Wadman makket kultuerdeputearde Johanneke Liemburg yn har Te Gast fan 20 jannewaris1988 Nuvere bokkesprongen.
Liuwe Bouma, foarsitter fan Frysk en Frij, arguminteart tsjin de arguminten fan deputearde Liemburg yn har Te Gast.
Deputearre Liemburg komt in moanne nei de Steatekommisje-gearkomste mei trije nije redenen om Frysk en Frij provinsjale pekunia te ûnthâlden: hyltyd minder jild waard brûkt foar it wervjen fan abonnees en reklame, it lêsjild is te leech en de administraasje is net op oarder.
Foar Omrop Fryslân Radio binne Klaas Jansma en deputearre Johanneke Liemburg oan it redendielen oangeande Frysk en Frij:
Tony Feitsma set yn It perspektyf fan in deputearre fraachtekens by wat kultuerdeputearde Liemburg opperet yn dy har Te gast fan 20 jannewaris 1988.
Leeuwarder Courant, 5-2-1988
Leeuwarder Courant, 8-2-1988
Yn ’e mienskip wurdt yn breedte en ingte neitocht oer de takomst fan Frysk en Frij. Ir Gerrit-Jan van Zoelen, direkteur fan ’e Fram (Friese Autobus Maatschappij), komt spontaan mei in idee foar it behâld fan it tydskrift. Van Zoelen ljochtet syn ideeën ta yn in fraachpetear mei Sybren Terpstra fan Omrop Fryslân Radio, Gerard van der Veer liedt yn:
Skriuwer Eppie Dam – Frysk en Frij – en de bestjoersleden Liuwe Bouma – Frjemd steatestik – en Rindert Straatsma – Frysk en frjemd – wize op ûnkrektheden oer Frysk en Frij yn it stik fan Deputearre Steaten, dat tsjinnet as rjochtline by de beslútfoarming yn ’e Steatekommisje Wolwêzenssaken.
Yn ’e Steatekommisje Wolwêzenssaken wurdt it beslút nommen om in Wurkgroep yn te stellen dy’t kânsen foar in Frysktalich wykblêd besjocht.
De makkers fan Frysk en Frij wurde bûten de Wurkgroep hâlden, se wolle meiprate.
Haadredakteur Jacob Noordmans skôget de ferskraling fan Fryslân – dêrûnder de kulturele pine, lykas de need by Frysk en Frij.
Yn it Tros-radioprogramma Finale oer keunst- en kultuerbelied hâldt deputearde Liemburg út dat oan Frysk en Frij it stigma fan bewegingsblêd klibbet, Heine Keuning stelt dêrfoaroer dat it tydskrift in famyljeblêd is.
Yn ’e Wurkgroep oangeande in Frysk wykblêd komt net in fertsjintwurdiger fan de Aksjeploech Frysk en Frij moat der bliuwe, sjoch rjochter kolom hjirûnder:
Op goerie fan It Berie foar it Frysk stelt deputearre Johanneke Liemburg begjin desimber 1988 út om Frysk en Frij wol te subsidiearjen.
Dat Berie is it provinsjaal advysorgaan foar Deputearre Steaten oangeande Frysk taalbelied ta befoardering fan ’e yntegraasje fan ’e Fryske taal yn it maatskiplik en ynstitusjoneel libben yn Fryslân, op grûn fan lykweardigens en lykberjochtiging oan it Nederlânsk.
Unôfhinklikheid
Yn 1989 wurdt H. de Boer as haadredakteur opfolge troch Goasse Brouwer. Dy runt de ûndernimming mei it fêste redaksjelid Johan Oppewal, en letter mei Jelma Knol, Jelle Bangma, Ingrid Wagenaar, Sjoerd van Aalsum, Geart-Hessel de Boer en 88 freelance meiwurkers.
Neist de ‘Human interest’, wurdt geandewei mear plak ynromme foar ûndersykssjoernalistyk en polemyk.
Kolommen mei kommentaren wurde útwreide mei bydragen fan sa’n tritich kolumnisten – wêrfan twa-tredde part frou – fan alle mooglike politike rjochtingen, sjoch de list by Meiwurkers hjirûnder.
De redaksje wurket oan ’e hân fan in redaksjestatút dat de ûnôfhinklikens fan it blêd garandeart en in redaksjerie komt trije of fjouwer kear yn ’t jier gear ûnder foarsitterskip fan Jan Jongsma.
De fêste redaksje en de free-lance meiwurkers wurde sûnt betelle neffens de bewende sjoernalistike merites, de kollumnisten allyksa, dy krije f 60,00 de kolomn.
Dêrneist wurdt de administraasje fierd troch frijwilligers yn in Wurkûnderfiningsplak mei behâld fan útkearing. Ek ha meiwurkers mei in beheining in yntegrearde ynbring yn dit bedriuw: Beskerme wurkjen ûnder begelieding. Dat wint sa oan, dat redaksjelid Johan Oppewal op in stuit opperet: Goasse as wy sa trochgeane, begjint it hjir ècht op in Sosjale Wurkpleats te lykjen en kinne wy ús blêd net mear profesjoneel opsette. Der komt dan foarlopich in stop op de Opstap Foar Betelle Wurk.
De advertinsjewinnerij is yn eigen hân en groeit gestaach nei f 150.000,00 op jierbasis, wylst it belied is dat inkeld advertinsjes yn it Frysk en yn dialekt pleatst wurde – in ekstra tûkelteam.
It hele jier troch wurde yn doarpen en by eveneminten abonnee-win-aksjes hâlden.
Brede formule
Frysk en Frij hat in brede formule, it is famylje- en opinyblêd.
Njonkenlytsen wurdt de gjalp Fris en Fleurich fan ’e foarside ôfhelle, om’t guon dat – net terjochte yn dit gefal – assosjeare mei sensaasjeferslachjouwing wat yn dy tiid opgong makket en útrint op emoasjesjoernalistyk yn ’e desennia dêrnei. Oan dy opkommende tendins wapperet de flagge fan ’e dei by Frysk en Frij net mei, achtergrûnreportaazjes en krûdige polemiken binne dêrfoaroer it hannelsmerk – mei dêrneist ‘human interest’, ek wol neamd de ‘gesellige stikken’, in wat komike, tagelyk brike oantsjutting foar minsklike nijsgjirrige eigenaardichheden.
It betsjut teminsten dat sensaasje net oan ’e oarder is: dêr wurde je net fleurich fan en dat strykt likemin mei it kaliber fan dit iennichst skreaun Frysktalich medium foar jong en âld, links en rjochts, ortodoks, frijsinnich, humanist en frijtinker.
In blêd yn alle kleuren foar 8 oant 88. In ‘ûnmooglike formule’, stelt de redaksje fan Frysk en Frij, mar it wurket.
Der binne rubriken oer taal en literatuer, byldzjende keunst, toniel, film, religy, polityk, lânbou, sport, damjen, bridzjen, puzzeljen, itensieden.
Alle moannen falle ekstra bylagen troch de bus, benammen oer literatuer en sport.
De haadredakteur progneart dat ûnder syn gewin sântûzen betelle abonnees der wol yn sitte sil, by opgeande kwaliteit yn oparbeidzjen mei wittenskiplik ûnderboud provinsjaal taalbelied.
Aly van der Mark en Reintsje Miedema fan Omrop Fryslân Radio komme op 6 april 1989 mei in reportaazje oer Frysk en Frij. Oan it wurd binne frou D. Tichelaar, abonnee, ferslachjouster Froukje Annema, akwisiteur Hans Weijer en de redaktueren Johan Oppewal en Goasse Brouwer.
Kweekfiver
It blêd wurdt in kweekfiver foar literêr en sjoernalistyk talint. Mannichien debuteart yn Frysk en Frij mei poëzy en proaza, ûnder stevige redaksjonele begelieding. Ferslachjouwers as Peter Bruinsma, Herman Broers, Onno Falkena, Jacob Haagsma, Harm Harkema, Nico Hylkema, Jelma Knol, Johann Mast, Gerryt van der Meer, Anke Mulder, Johan Oppewal, Sietse de Vries en Willem de Vries begjinne en/of sette har sjoernalistike kârriêre dêr troch. Yn 1990 organiseart Frysk en Frij in symposium oer 100 jier Frysktalige sjoernalistyk.
Artikels út Frysk en Frij wurde as ûnmisber beskôge as yn it ûnderwiis ferlet is fan skreaun Frysk oer aktuele maatskiplik relevante ûnderwerpen. Ek eksamenteksten foar it middelber en fuortset ûnderwiis wurde út it blêd distilleard.
Dêrneist eksploiteart Frysk en Frij in moanneblêd foar bern: De Fryske Bernekrante mei as redaktrise Meintsje Brouwer-de Jong.
Oantal abonnees
Foar Fryske begripen hat it tydskrift in foars tal beteljende abonnees.
Nei in healjier fan it op ’e nij ferskinen yn 1972: 3.000; yn 1985 binne dat sa’n 6.000; yn 1990 4.400.
Ta fergeliking, it moanneblêd De Strikel hat yn dy tiid in abonneebestân fan 900, neffens eigen opjefte. Yn ferhâlding mei it tal lêzers yn it Nederlâns taalgebiet kin rûchwei yn dy tiid in Frysktalich abonneebestân fermannichfâldige wurde mei de faktor tusken de 25 en 30; yn 1990 rikt Frysk en Frij dan heger as in blêd as Vrij Nederland, mei dy har oplaach fan 77.000; en dat is dan de oplaach, net it tal betelle abonnees.
De ynkomsten út advertinsjes binne in essinsjeel bestândiel fan ’e eksploitaasje. De abonnemintspriis allyksa: yn 1992 f 59,00, yn 1994 wurdt dy ferhege oant f 75,00 yn ’t jier.
Wol of net subsydzje?
Gryt van Duinen fan Omrop Fryslân Radio lit ûnderskate lju oan it wurd oer de foar- en neidielen fan stipe oan Frysk en Frij; ûnder oaren de eardere redakteur Klaas Jansma, Meindert Nicolai, frijwilliger yn in wurkûnderfiningsplak op ’e adminstraasje fan Frysk en Frij, deputearde Johanneke Liemburg, bestjoerslid Marinus de Boer:
Gyt van Duinen leit foarsitter Piter van Plank fragen foar oer beslútfoarming oangeande provinsjale sybsydzje. Wittenskipper Van der Plank freget him ôf at de politisy de relevante stikken wol lêze, want der is gjin inkeld argumint útsprutsen troch de Steaten dat Frysk en Frij net stipe wurde moat; mar it giet úteinlik om in Frysktalich wykblêd, dat mei ek wat oars wêze as Frysk en Frij:
Bedrijfsfonds voor de Pers
Sûnt 1988 wurdt Frysk en Frij stipe mei f 150.00,00 semy-ryksjild op jierbasis troch it Bedriuwsfûns foar de Parse, om’t dy it blêd beskôget as ûnôfhinklik sjoernalistyk tydskrift en as poadium foar literatuer- en taalbefoarderingsmedium. Har betingst is dat de Provinsje Fryslân dêr itselde bedrach bydocht.
Mei de tasizzing fan stipe fan it Bedriuwsfûns kin in nije redakteur betelle wurde.
Yn 1991 krijt it blêd noch wer in ton fan it Bedriuwsfûns mei it each op fjouwer kwalifikaasjes:
-de groei fan it abonneebestân
-de hegere eigen ynkomsten
-de modernere produksje
-de kwaliteit fan de bijlagen, lykas De Fryske Bernekrante, de Boeke- en Sportbijlagen.
Stipefûns Frysk en Frij
Op 7 juny 1990 wurdt in fûns oprjochte – Stipefûns Frysk en Frij – dêr’t sa’n fiifhûndert abonnees rinteleaze lieningen en skinkingen yn stoarte, meiïnoar f 260.000,00; as buffer en om de polityk sjen te litten dat de ûndernimming sels ek in substansjeel part ynbringt, bûten abonnemintsjild en advertinsjeynkomsten om.
De buffer wurdt bestege foar it fuortbestean, en ek oansprutsen foar de eksploitaasje as twawykliks magazine m.y.f. 1992. Trouw berjochtet dêroer.
Trouw, 5 novimber 1992:
Achterban redder van tweewekelijks magazine Frysk en Frij
Sympoasium 100 jier Frysktalige sjoernalistyk
Frysk en Frij organiseart op sneon 27 novimber 1990 te Ljouwert in sympoasium oer hûndert jier Frysktalige sjoeralistyk, ûnder lieding fan ’e Ljouwerter wethâlder Janny Vlietstra, dy’t in moanne letter midden yn ’e subsydzjeperikels it plak ynnimt as foarsitter fan Frysk en Frij.
Sprekkers binne Sytske van Aalsum, redaktrise by it deiblêd Trouw; Martin van Amerongen, haadredakteur fan De Groene Amsterdammer; Heinze Bakker, fan de N.O.S.; Ate de Jong, meiwurker fan Frysk en Frij; Wio Joustra, fan ’e Volkskrant, even letter haadredakteur fan ’e LC; en Hylke Speerstra, haadredakteur fan ’e Ljouwerter Krante.
Wikseling bestjoer
It is slim bestjoeren en redigearen mei allegeduerigen jildpine as ballêst. Ek by in ûndernimming mei in oars djoerabele en duorsume lading. Yn dat ljocht docht it gjin nij dat ûnfertochte wynfleagen it seil beroere, in pûster it bolle doek yn ûnstjoer bringt. It kundich deistich bestjoer – Baukje Miedema, foarsitter, Geart Vledder, skriuwer, en Jan Brandsma, skathâlder, stapt op 19 desimber 1990 fan board. De beakens wurde mei tsjinsin yn waar en wyn ferset.
It DB sjocht in takomst fan Frysk en Frij wol sitten op fierhinne kommersjele basis, sûnder strukturele oerheidsstipe en mei oparbeidzjen mei de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd. De redaksje rekkenet mei registerakkountants foar dat altyd oerheidsjild by sa’n wykblêd moat, sil it kwaliteit behâlde; boppedat wolle de deiblêden net. Dat de minsken op ’e wurkflier ha in tsjinoerstelde finansjele farrensrûte foar eagen; de twa oare bestjoerders, Jelle Bangma en Piter van der Plank, allyksa. Dêrom skiede de wegen. Net om twifel oan bestjoerlik fakmanskip of om persoanlik skeel.
Himerige ferslachjouwers dogge har wurk dêrta yn sensaasjesjoernalistyk, de waan fan ’e dei ûnder emoasjeferslachjouwing dy’t yn dy jierren, ek yn ’e deiblêden, oanboazet.
It bestjoer dat opstapt, ljochtet har stânpunten ta by Omrop Fryslân Radio:
De haadredakteur fynt farske farrenslju yn Janny Vlietstra, foarsitter (wethâlder foar de Partij van de Arbeid te Ljouwert), Willem Bekius, skathâlder (dosint oan Windesheim, skoalle foar sjoernalistyk te Swolle), en Gina Kamsma, skriuwer (advokaat te Ljouwert).
Har beweechreden om dit feardige skip op wiffe see te bestjoeren, is beakene op it mienskipsbelang fan ’e taalbefoardering en it sjoernalistike en literêre sicht op rommer wetter.
Se wurde konfronteard mei polityk njirrebrot, Shakespeariaansk beseten fan machtsgleonens. Mei as ûnferfalske dramatyske yngrediïnten it ferdiel en hearskjen tusken de bedriuwen troch, rabberij yn achterkeammerkes, flústerjend sûfflearen yn ferpleatsbere kûlizen, dûbelde en ferburgen aginda’s, hyltyd wer ferskowende senario’s of sa’t je hawwe plots, ynstitusjonalisearde belangefertizingen, it ferhoalen oprekken fan de tiid, en fanselssprekkend Ja gjin Ja en jitris Nee gjin Nee, geheime rapportaazje fan sinisy dy’t fan alles de priis witte en fan neat de wearde (Oscar Wilde) en toch it ultime beslútfoech besitte oer saken dy’t se sels op dit skolperige wiet noait bedjipje sille wolle.
Sels skôgje, hifkje en oanfiele is it bêste middel tsjin populistyske propaganda. De goegemeente leaut it wol. Oars opmerksume sielen, wurde einlings en te ’n lêsten murf. De trije nije bestjoerders hâlde it roer yn eigen hân. Oant de wâl it skip wer keart.
Op ’e nij in soap fan jildskoaierij
Neffens berjochtjouwing yn ’e Ljouwerter Krante yn febrewaris 1991 is deputearde Liemburg fan betinken dat de provinsjale subsydzje foar it wykblêd Frysk en Frij op langere termyn fuortset wurde moat. Sjoch it stik hjirûnder, letter hjiroer mear.
It Bedriuwsfûns foar de Parse kin allinne tydlik stypje. Sadwaande ferfalt dy bydrage mei yngong fan 1992. De Provinsje stelt út om har oanpart dan werom te bringen fan f 150.000,00 nei f 100.000,00 yn ’t jier.
Partisipaasje yn de eksploitaasje fan Frysk en Frij troch de grutste útjouwer yn Fryslân, De Friese Pers B.V., smyt neat op, omdat dy útjouwer net struktureel finansjeel bydrage wol.
Foar in ton kin net in kwalitatyf goed wykblêd ekspoliteard wurde. Sadwaande freget Frysk en Frij f 450.000,00, lykas wenst opsteld neffens trochberekkeningen fan register-akkountant en mediadeskundigen. Mar Frysk en Frij fernimt dat sels de steateleden dy’t foar it fuortbestean fan in profesjoneel Frysk en Frij binne, 450 ton polityk te heech grepen ynskatte. Om te rekkenjen mei politike helberens en de eksploitaasje tagelyk slutend te krijen, docht Frysk en Frij in wike letter in oanfraach fan f 300.000,00 en sil it besykje om út in oare provinsjale pot en út in bedriuws-ekonomysk fûns de nedige 450 ton foar de eksploitaasje byinoar te swyljen en fierders troch noch mear kommersjele aktiviteiten – tsjinstferliening op it gebiet fan skriuw- en fertaalburo – oan te lûken.
Letterop yn 1991 is Liemburg fan miening dat it taalbefoarderingsjild better bestege wurde kin oan regionale blêden en stelt hja út om Frysk en Frij tenei gjin subsydzjes mear ta te skikken; hja krijt de mearderheid fan ’e Steaten achter har.
Om’t dat beslút neffens taal- en literatuerwittenskippers, sosjologen en skôgers fan ûnôfhinklike sjoernalistyk tsjin it algemien belang is, spant Frysk en Frij in rjochtsaak oan om har provinsjale stipe te behâlden. Frysk en Frij wint dy saak, mar moat dêrnei belies jaan omdat hja net bysteat is hyltyd wer djoere advokaten te bekostigjen, wylst de provinsje dy wol oanlûke kin.
By har ôfskie yn 1991 ferklearret Hannie Bruinsma-Kleywegt (PvdA), kollega-deputearde fan Liemburg:
/…/geen verspilling van tonnen aan een Friestalig weekblad dat toch bijna niemand leest’.
By Omrop Fryslân Radio freget Gryt van Duinen Frysk en Frij om in reaksje oer dy útspraak.
Omrop Fryslân Radio oer Frysk en Frij
Omrop Fryslân jout gauris omtinken oan de hichtepunten en perikels om Frysk en Frij hinne.
Hjir in greep út de opnames 1966-1997
Stimmingmakkerij
Yn ’e provinsjale deiblêden is sprake fan stimmingmakkerij oer Frysk en Frij neffens it fiifkoppich bestjoer Jelle Bangma, Willem Bekius, Gina Kamsma, Piter van der Plank en Janny Vlietstra. Earst wolle se dêr gjin replyk op jaan om it nulnijs net te fuorjen. Mar omdat sok nijs net nul is foar de publike en politike opniny, stjoert hja toch rjochtsettingen. Dy wurde troch de redaksje fan ’e Leeuwarder Courant wegere.
Yn it nûmer fan 31 jannewaris 1991 pleatst it bestjoer in berjocht dêroer yn Frysk en Frij, ûnder de kop
Stimmingmakkerij oer Frysk en Frij
Hjirûnder de berjochting yn ’e Ljouwerter Krante dêr’t it bestjoer oan refereart. Foarpagina en side 11.
Iepen brief
Yn it nûmer fan 13 juny 1991 stiet in Ynstjoerde miedieling, in Iepen brief fan it bestjoer oan ’e leden fan ’e Provinsjale Steaten en dêrneist in Oanbefellingsbrief ûndertekene troch 27 saakkundigen op it gebiet fan sjoernalistyk, literatuer- en taalbefoardering, ûnderwiis en wittenskip, dokumintaasje, kultuer en sport, advertinsjemerk en wurkgelegenheid.
Trouw docht ferslach
27-3-1992: Frysk en Frij doet wat de politiek nalaat: de Friese taal bevorderen
15-5-1992: ‘Frysk en Frij’ herovert via rechter subsidie
Foarsitter dr Piter H. van der Plank ferdútst yn in Te Gast yn ’e Ljouwerter Krante yn koart bestek op wittenskiplike grûnen wêrom’t in kwalitatyf goed wykblêd foar in ton oan subsydzje net mei sûn saaklik ferstân yn ’e merk set wurde kin.
Op 19 juny 1991 nimt de Provinsjale Steatekommisje Wolwêzen it beslút om de oanfraach fan Frysk en Frij fan f 450.000,00 stipe net te honorearen.
Hjirûnder in greep út berjochtjouwing yn ’e Ljouwerter Krante – klik op ’e ôfbyldings om de stikken te lêzen.
Oare gadingmakkers
No’t bekend is dat de Provinsje in ton beskikber hat foar in wykblêd en Frysk en Frij witte lit dat dêrfoar net in kwalitatyf goed tydskrift ferskine kin, melde har oare gadingmakkers, ûnder oaren Compleet Design te Frjentsjer en Persbureau PENN, fan de eardere redakteur fan Frysk en Frij, Klaas Jansma, te Ljouwert.
Yn ’e eksploitaasje-opset fan Compleet Design wurdt steld dat de organisaasje fan Frysk en Frij net yn ’e heak is, mar in ûnderbouwing fan dy konstatearing is der net by; likemin oangeande abonnemintsjilden en personielskosten.
Mei de twadde útjouwer hat Frysk en Frij petearen oangeande gearwurking, mar PENN komt neffens bestjoer en redaksje net mei in finansjeel ûnderstipe begrutting anneks bedriuwsplan.
Klaas Jansma fertelt foar Omrop Fryslân Radio oer ‘ûnderhannelingen’ oangeande oername Frysk en Frij; novimber 1992.
Hjirûnder in greep út krantestikken yn ’e Ljouwerter Krante:
-Franeker bedrijf wil voor ton Frysk en Frij uitgeven, 21-9-1991
-Penn wil uitgave van Frysk en Frij, 25-9-1991
-Jansma ziet kans voor Frysk en Frij, 25-9-1991
-Provincie: f 100.000 voor Fries weekblad, 26-9-1991
-Frysk en Frij wil praten over samenwerking, 27-9-1991
-Lezers Frysk en Frij extra bijdrage gevraagd, 4-10-1991.
Lêzers en meiwurkers dogge har sechje
Lêzers fan Frysk en Frij dogge ek har sechje, hjir in pear foarbylden.
Mentha de Jong (1919-2005) is in betroud en besieljend klankboerd foar mannichien dy’t nocht hat oan Fryske taal en -literatuer; hja besoarget de postume útjeften fan wurk fan Froukje Annema-Noordenbos (1941-1998), dy‘t sûnt de nije start yn 1972 sawat alle wiken in reportaazje klear hat.
Tineke Schokker-Strampel is administratyf meiwurkster. Letter set se har foar de mienskip yn as deputearde foar it C.D.A. en as boargemaster fan Flylân.
Leeuwarder Courant, 25-9-1991
Meiwurkers komme allyksa út ’e hoeke. Hjirûnder in Koart Kommentaar (linker kolom) fan Nel van Zandbergen-Scheffer, lid Provinsjale Steaten foar de V.V.D. en in beskie dêrop fan Jan Jongsma, foarsitter fan ’e meiwurkers en -redaksjegearkomsten fan Frysk en Frij.
Twa-wykliks magazine mei yngong fan 1992
Om de kwaliteit te behâlden, wurdt Frysk en Frij in twa-wykliks magazine; en in ferheging fan ’e abonnemintspriis bliuwt net út.
Foar Omrop Fryslân Radio komt Frysk en Frij geregeldwei wer oan ’e oarder.
Op 27 augustus 1992 ynterviewt Henk te Biesebeek yn De Koperen Tún, redakteuren fan ûnderskate tydskriften oer in nij Frysk tydskrift:
Douwe Kootstra, fan moanneblêd De Strikel
Piter Boersma, fan literêr tydskrift Hjir
Babs Gezelle Meerburg, fan literêr tydskrift Trotwaer
Josse de Haan, fan ienmanstydskrift iP²r90-Rendez Vous
Reitze Jonkman, fan Mear, tydskrift fan ’e Ried fan de Fryske Beweging, en bylage by Frysk en Frij.
Op 23 oktober 1992:
Johan Oppewal oer it kwytreitsjen fan provinsjale subsydzje; de Rie fan Steate stelt de Provinsje yn ’t gelyk; hy kundiget it sels út de gek oan mei: ‘En dan nu in de serie ‘Bedrijven Bladeren – Deel Drie’, as in soap:
Op 4 novimber 1992 ynterviewt Sjouke Louwsma bestjoerslid Jelle Bangma:
In paradoksaal begjin is de fuortsetting fan Frysk en Frij twa kear yn ’e moanne: 1992 sil it jier wurde fan ’e iepen grinzen foar taal en tongslach. Op 15 novimber wurdt yn Straatsburch it Europeesk Hânfest foar regionale talen en talen fan minderheden oannommen. Fryslân set lykwols it jier yn sûnder in wykblêd yn eigen taal. It belied wurdt troch de haadredaksje útlein op side 3.
Deputearde Johanneke Liemburg oer manko’s
Yn Café op Twee foar de AVRO Radio jouwe deputearde Johanneke Liemburg en redaksjelid Johan Oppewal har fyzje op ’e posysje fan Frysk en Frij, y.f.m. mei it foarstel fan Liemburg ta ynlûken fan ’e provinsjale subsydzje, april 1992:
Geheim provinsjaal rapport
Sûnt it tydskrift yn 1991 sûnder provinsjale stipe ferskynt, hinget it swurd fan Damokles boppe de holle fan ’e redaksje. Underwilens besiket Frysk en Frij de wei nei provinsjale stipe wer iepen te krijen. It belang fan it tydskrift foar de taalbefoardering wurdt breed droegen en gâns saakkundigen rapporteare dêroer, ek nei de Provinsje – in jierrenlange tiidferslinende lobby.
Yn opdracht fan deputearre Johanneke Liemburg komt yn 1993 in rapport út, skreaun troch Harke van der Meer. Van der Meer is fan 1971 oant 1989 direkteur fan De Friese Pers BV, útjouwer fan ’e Leeuwarder Courant; en sûnt 1979 ek útjouwer fan it Frysk kultureel moanneblêd De Strikel (oprjochte yn 1957).
Van der Meer wie te set om regionale blêden oer te nimmen.
Van der Meer syn rapport is neffens him geheim; dat wol sizze dat hy ôfpraat hat mei deputearre Liemburg dat it allinne ornearre is foar de deputearren en steateleden, it is net de bedoeling dat oaren dêr ek kennis fan nimme. De redaksje fan Frysk en Frij krijt it dokumint lykwols op it buro.
Van der Meer stelt dat bestjoer en redaksje fan Frysk en Frij bestiet út dilletanten. It blêd hat neffens syn rapport 3.500 abonnees, wylst it betelle abonneebestân op dat stuit op 4.442 stiet; Frysk en Frij hat hast gjin ynkomsten út advertinsjes en de meiwurkers wurde min betelle, neffens Van der Meer syn befiningen.
De haadredakteur freget Van der Meer wêr’t dy sifers op stuolje. Van der Meer kin datoangeande gjin boarnen jaan, as allinne: ‘Dy komme by my wei’. Hy hat net kontakt opnommen mei Frysk en Frij, likemin mei bygelyks de oanbelangjende registerakkountant.
De haadredakteur hâldt Van der Meer foar dat yn syn geskriften feitelikheden net doge en dat om dy reden dêr troch Steateleden gjin deugdlike besluten op nommen wurde kinne. Hy fersiket Van der Meer om alle ongerjochtichheden opsteld yn syn geskriuw werom te nimmen.
Van der Meer seit dat heal ta, mar syn hele rapport wurdt sûnder bystelling dat makket troch deputearre Liemburg nei de Steateleden stjoerd.
In grutte mearderheid stimt tsjin in honorearing fan in – oanskerpe – oanfraach fan f 125.000,00 yn ’t jier. Dat sil de ein betsjutte fan it blêd, nei 55 jier.
Oant 1992 krijt Frysk en Frij f 300.00,00 stipe fan ’e Provinsje; yn 1993 is dat f 100.000,00 fan Provinsje en it Bedrijfsfonds voor de Pers; yn 1994 is dat f 40.000,00 oan provinsjale stipe en is it Bedriuwsfûns ôfheakke omdat de Provinsje net substansjeel bydraacht.
Lykas earder steld, Frysk en Frij kin net sûnder subsydzje fan de provinsje op akseptabel sjoernalistyk en literêr nivo útbrocht wurde, dat it moat út ’e noch krappere krapte ferskine: yn 1992 en 1993 as twa-wykliks tydskrift en fan 1994 oant 1997 as moanneblêd, want it belied fan Frysk en Frij is dat sa’n tydskrift yn in sûn taalklimaat gedije moat, profesjoneel fan opset en dan bygelyks net ôfhinklik fan net-betelle frijwilligers.
By Omrop Fryslân Radio ynterviewt Aly van der Mark yn it programma De Koperen Tún de redaksje, Johan Oppewal en Goasse Brouwer, oer de gong fan saken.
Douwe Kootstra, redakteur fan De Strikel, skriuwt dêroer, op fragen by it gearstallen fan dizze kronyk, 5 febrewaris 2022:
It wie yn alle gefal foar my dúdlik dat De Friese Pers syn Strikel kwyt woe en dêrom Harke van der Meer (ek dúdlik mei in Liemburgpet op) syn help ynroppen hie om de Strikelredaksje ‘nei de Fryske siden´ te praten, te twingen. Meindert Bylsma en ik binne doe nei alle diskusjes op it lêst noch út de redaksje stapt omdat wy foarspelden dat it op en doer net goed komme soe mei dy Fryske siden. Wy ha gelyk krigen.
Fragen oan âld-deputearde Johanneke Liemburg en har replyk
Yn it ramt fan hoar en wederhoar yn dizze kronyk freget Erfgoed Fundaasje deputearre Liemburg op 22 jannewaris 2022 tillefoanys om oan dizze kronyk mei te wurkjen en har kant fan ’e saak te beljochtsjen. Liemburg is dêrta daliks ree en ôfpraat wurdt dat Erfgoed Fundaasje har skriftlik fragen foarlizze sil.
Hjirûnder folget de oanbelangjende brief en Liemburg har reaksje dêrop.
Ljouwert, 22 jannewaris 2022
Underwerp: Kronyk Frysk en Frij
Achte frou Liemburg,
Lykas yn ús tillefoanpetear sein, is de Stichting Erfgoed Fundaasje yn it ramt fan skiedskriuwing en argivearing oangeande bedriuwen te set mei in kronyk oer it tydskrift Frysk en Frij, sûnt 1944 en har foargonger Sljucht en Rjucht.
Sjoch: www.erfgoed-fundaasje.nl > Bedriuwen >> Frysk en Frij.
Oan ’e oarder komme ûnder oaren Fryske taalpolityk en poadia foar taal, literatuer en sjoernalistyk.
Dizze side is noch helendal yn ’e maak, ek technysk, dat guon yllustraasjes ensfh. binne yn ûntwikkeling. Mar sa krije jo dochs in byld fan ús opset.
Om in sa goed mooglik sicht te krijen op de feitlike skiednis freegje wy eardere belutsenen om taljochtingen.
Jo hawwe as deputearre in wichtich oanpart hân yn it wjerfarren fan Frysk en Frij.
Wy binne der tige mei ynnommen dat jo ree binne om wederwarichheden oangeande de skiednis te besjen. Foarearst lizze wy jo it ûndersteande foar. It kin heel goed wêze dat wy letter mear ferlet hawwe fan ophelderingen.
1 Wat wie by jo oantreden as deputearre jo yntinsje mei it wykblêd Frysk en Frij?
Oangeande
-ynhâld/formule
-draachflak
-tiidrek
-sudsidiearring.
Wêr kinne wy skriftlike stikken datoangeande fine?
2 Hoe wie de ynformaasje nei de steateleden regele?
3 Idem nei it bestjoer en redaksje fan FF?
4 Yn de reportaazje oer FF fan 26-1-1996
– https://weromrop.omropfryslan.nl/frl/utsjoering/frysk-en-frij –
stelt Douwe Kootstra dat der by de Provinsje in ferburgen senario wie.
Wat hâlde dat yn? Yn hokker stikken kinne wy dêr wat konkreets oer fine?
Wy publiseare dy reportaazje no net op ús side omdat wy oan ‘Hoor en wederhoor’ dogge. Dat wy wachtsje repliken fan ferskillinde kanten ôf. Itselde jildt foar ferslaggen yn NRC en Trouw dy’t wy no noch net op ús side sette.
5 By fragen en/of oerlis: info@erfgoed-fundaasje.nl – 058-212 00 35.
Yn ôfwachting,
mei freonlike groetnis,
Goasse Brouwer
Op 26-1-2022 om 11:56 mailt Johanneke Liemburg:
Achte Brouwer,
Yn antwurd op jo fragen it folgjende: myn belutsenens by Frysk en Frij begjint yn de perioade 1970-1973, doe ‘t ik as sjoernaliste wurke by de Leeuwarder Courant. Yn dy tiid, it moat 72-73 west hawwe, kaam ik yn ‘e kunde mei Klaas Jansma, redakteur fan Frysk en Frij. Klaas hat my frege oer te stappen nei Frysk en Frij. Ik wit it noch goed, wy sieten op syn souder oan de Ossekop. Mar ik woe studearje yn Amsterdam,Yn 1987 waard ik deputearre, yn in tiid dat oeral op besunige wurde moast. Frysk en Frij makke gebrûk fan de tydskrifteregeling, doe in regeling mei in iepen ein. De provinsje duts de tekoarten en dy waarden hieltyd grutter. Dat koe sa net trochgean. Dêrom binne der kritearia fêststeld, dêr’t F en F oan foldwaan moast. Ferslaggen fan kommisjegearkomsten dêroer moatte yn it argyf fan de provinsje te finen wêze.
Doe’t F en F net oan de betingsten foldie, benammen it tal abonnees bleau te leech, kaam Harke van der Meer, direkteur fan de BV Friese Pers, mei it útstel de útjefte oer te nimmen en der jild tsjinoan te smiten. De Friese Pers hie ek De Strikel op ‘e noed. Hy woe foar syn ôfskie wat neilitte foar Fryslân. Dat útstel hat hy op papier set, mar mocht net bekend makke wurde, want hy woe net it ferwyt krije, dat hy F en F de nekke om draaie woe. Doe ûntstie dizze sitewaasje: F en F foldie net oan de betingsten fan de Provinsje. De steatekommisje woe lykwols gjin ein meitsje oan it subsydzje, sûnder dat der in alternatyf wie. Dat alternatyf wie der wol, mar mocht net iepenbier makke wurde. Der kaam in ein oan dizze ‘patstelling’ troch in aksje fan de Freonen fan Frysk en Frij ûnder oanfiering fan Heine Keuning, dy’t jild los krige fan it Bedrijfsfonds voor de Pers. Doe hat Van der Meer syn útstel ynlutsen. Dat moat it senario wêze, dêr’t Douwe Kootstra it yn 1996 foar Omrop Fryslân oer hie. Doe wie ik al gjin deputearre mear.
Hooplik kinne jo hjir mei út ‘e fuotten. En foardat ik it ferjit, ik brûk sels gjin titels, mar as jo der op steane, ik bjin gjin drs., mar dr. .
Mei freonlike groetnis,
Johanneke Liemburg.
De F-Side
Deputearde Bertus Mulder (PvdA), dy’t de kultuerportefúlje yn 1995 fan Louïs Lyklema oernimt, hâldt fêst oan it oardiel dat Frysk en Frij te min aksjeradius hat mei in oplaach fan 3.300 eksimplaren (en dûbel safolle lêzers). Finansjele stipe is neffens him better bestege oan regionale blêden.
Dat oantal abonnees fan Frysk en Frij is sakke neffens de trend yn tydskriftelân. Yn fergeliking mei it tal abonnees lanlik fan Nederlânsktalige blêden skoart FF noch hyltyd heech. Neffens it lytse taalgebiet hat it navenant in grutter berik as fergelykbere tydskriften yn it Nederlâns, it skoart krekt even leger as Elsevier, en heger as Vrij Nederland.
Boppedat is it weromgean fan it betelle tal abonnees anneks mei it belied fan dyselde provinsjale oerheid: Frysk en Frij krijt sûnt 1991 gjin strukturele stipe.
De free-lance meiwurkers wurde wol neffens sjoernalistike merites betelle, mar de redaksje net. Der binne gjin sinten foar p.r., de publisiteit gebeurt lykwols profesjoneel – de stêf fan Frysk en Frij wol net mear oars – mei help fan fakmanskip op fierhinne frijwillige basis, mar Frysk en Frij kin gjin advertinsjes yn ’e Leeuwarder Courant bekostigje, bygelyks.
Mei romte te keapjen yn deiblêden wurdt troch deputearde Mulder keazen foar in net besteande – kommersjele – merk. Ofstân wurdt dien fan earder brûkte kwalitative arguminten – en no sil allinnich op kwantiteit ynset wurde, populêre kost ta tsjinst fan de Fryske taalbefoardering.
Dat rint yn 1994 út op in wyklikse advertinsjepagina yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en Huis aan Huis, De F-Side, de Fryske Side, mei as einredaktrise Ingrid Wagenaar en opmakker Daam de Vries, beide út de skoalle fan Frysk en Frij.
Dat wykliks betsjut yn ’e praktyk 43 siden A3 yn ’t jier, dat is 86 A4 mei-inoar. Ien Frysk en Frij magazine beslacht yn 1994 op syn minst 32 pagina’s A4. Alles byinoar de appels en parren: De F-Side leveret per jier 86 siden advertinsje-parren, FF leverete 380 siden appels en parren, ynklusyf advertinsjes.
Deputearde Mulder reageart net op rapportaazjes fan wittenskiplik ûndersyk oangeande de kwantiteit en kwaliteit fan Frysk en Frij. Troch him wurdt oantsjoerd op de optochte De F-Side, sûnder ûnderboude prognoazes.
Oer De F-side en omballingen lit Eelke Lok lju út ûnderskate dissiplines redendiele by Omrop Fryslân Radio yn It Wapen fan Fryslân, 10-12-1993:
-Jelle Bangma, bestjoerslid Frysk en Frij
-André Bralts, redakteur moanneblêd De Strikel
-Goasse Brouwer, haadredakteur Frysk en Frij
-Roel Falkena, lid Provinsjale Steaten foar de FNP
-Piet de Jager, lid Provinsjale Steaten foar it CDA
-Jelma Knol, redakteur literêr tydskrift Hjir
-Rimmer Mulder, haadredakteur Leeuwarder Courant
-Bareld de Vries, lid Provinsjale Steaten foar de PvdA.
Hoewol’t de redaksje fan Frysk en Frij gjin heil sjocht yn in Fryske advertinsjeside wat literatuer en taalbefoardering oangiet, lit stean as kweekfiver foar sjoernalistyk, wol se mei har feardichheden dy F-side tsjin betelling wol ynfulle – dan kin men sels mei-kedize hoe’t dat mienskipsjild sawat adekwaat bestege wurde kin.
Goasse Brouwer wurdt dêroer befrege troch Omrop Fryslân Radio:
Partisipaasje fan Frysk en Frij wurdt troch de Provinsje ôfwiisd, argumint Frysk en Frij is tefolle belanghawwende.
De Provinsje betellet dit eksperimint trije jier oan ’e regionale deiblêden en hâldt der dan mei op. It kultureel moanneblêd De Moanne krijt tenei subsydzje.
Moanneblêd sûnt 1994
Fleurich en treurich tagelyk is it begjin fan 1994, skriuwt de redaksje as dy it ferskinen fan twa-wykliks magazine nei moanneblêd taljochtet.
De fêste free-lance meiwurkers wurde neffens de bewende sjoernalistike merites betelle, de kollumnisten ek. Underbeteljen is net mear oan ’e oarder. As dat belied net útfierdt wurde kin, komt de profesjonaliteit yn it geding en dat is ongesond foar ynhâld en ynfrastruktuer foar it algemien Frysk belang, is de redaksje fan betinken.
Dêrfoaroer stiet de haadredakteur tenei foar tolve oeren op ’e leanlist, de oare redaksjeleden foar fyftich 50 prosint. Dat yn ’e oertsjûging dat fruchtber siedzjen útrint op rynsk rispjen.
Dêrneist wurdt neffens wenst wer tankber gebrûk makke foar de ynset fan frijwilligers by setwurk, administraasje en abonneewinnerij, dy’t dat brûke as opstap nei in betelle baan.
Trouw, 22-10-1993: Fries opinieblad Frysk en Frij wordt maandelijks
Strikel-redaksje foar part nei FF
Begjin 1995 hâldt it moanneblêd De Strikel op te bestean. Meiwurkers drage tenei fêst by oan Frysk en Frij, ûnder oaren: André Bralts, Freark Dam, Hylkje Goinga – as fêste moannelikse kollumnist -, Jan-Pieter Janzen en Rink van der Velde.
Hjirûnder it maaie-nûmer fan 1995 fan 52 siden, mei bydragen fan ‘Strikelders’, sa’t se harsels neame:
Hylkje Goinga, mei in kollum en in koart ferhaal
Jan Pieter Janzen, oer De oarloch yn ‘e Fryske literatuer
Willem Winters, mei in opiniearend stik
Baukje Wytsma, mei in kollum.
Hjir folgje de earste tolve siden, letter mear.
Frysk en Frij wol graach de eardere lêzers fan De Strikel benaderje foar in abonnemint op Frysk en Frij, mar útjouwerij De Friese Pers wegeret meiwurking; Henk te Biesebeek fan Omrop Fryslân Radio hat dêr fragen oer:
Jubileum fyftich jier
Yn 1995 wurdt it fyftich-jierrich bestean as legaal blêd fierd mei in Jubileumnûmer.
Komitee fan Oanbefelling
Frysk en Frij wol de provinsjale polityk op ’e nij bewege.
Yn 1996 freget de redaksje dêrom kopstikken út de grutste fjouwer politike partijen om in sit te nimmen yn in Komitee fan Oanbefelling Frysk en Frij, te witten
-Dieuwke Y.W. de Graaff-Nauta – CDA, steatssikretaris Binnenlânske Saken
-Egbert Steenbeek – VVD, sekretaris Keamer fan Keaphannel yn Fryslân
-John G. te Loo – PvdA; boargemaster fan Ljouwert
-Gerrit Ybema – D’66; lid Twadde Keamer.
Dat gebeurt uteraard ûnôfhinklik, los fan ’e provinsjale polityk. De opdracht is om provinsjale subsydzje nei fiif jier wer los te krijen. De fjouwer sizze ta. De Graaff-Nauta wurdt foarsitter en Steenbeek skriuwer.
It Komitee kin provinsjale stipe lykwols net bedije en heft harsels op yn 1997.
Fragen oan âld-deputearde Bertus Mulder en syn replyk
Yn it ramt fan hoar en wederhoar yn dizze kronyk freget Erfgoed Fundaasje deputearde Bertus Mulder, lykas syn foargonger Liemburg allyksa, op 12 jannewaris 2022 tillefoanys om oan dizze Kronyk mei te wurkjen en syn kant fan ’e saak te beljochtsjen. Ek Mulder is dêrta ree. Ofpraat wurdt dat Erfgoed Fundaasje him skriftlik fragen foarlizze sil.
Hjirûnder folget de oanbelangjende brief fan Frysk en Frij en Mulder syn replyk op 15 maaie 2023.
Ljouwert, 22 jannewaris 2022
Underwerp: Kronyk Frysk en Frij
Achte Mulder,
Lykas sein yn ús tillefoanpetear op 12 jannewaris l.l., is de Stichting Erfgoed Fundaasje yn it ramt fan skiedskriuwing en argivearing oangeande bedriuwen te set mei in kronyk oer it tydskrift Frysk en Frij, sûnt 1944 en har foargonger Sljucht en Rjucht.
Sjoch: www.erfgoed-fundaasje.nl > Bedriuwen >> Frysk en Frij.
Oan ’e oarder komme ûnder oaren Fryske taalpolityk en poadia foar taal, literatuer en sjoernalistyk.
Om in sa goed mooglik sicht te krijen op de feitlike skiednis freegje wy eardere belutsenen om taljochtingen. Jo hawwe as deputearre ek in wichtich oanpart hân yn it wjerfarren fan Frysk en Frij.
Wy binne der tige mei ynnommen dat jo ree binne om fragen oangeande de skiednis te besjen. Foarearst lizze wy jo it ûndersteande foar. It kin heel goed wêze dat wy letter mear ferlet hawwe fan ophelderingen.
1 Wat hâlde jo opdracht yn oangeande it tydskrift Frysk en Frij by oerdracht fan Johanneke Liemburg nei jo?
2 Wiene der achterlizzende bedoelingen? dy’t net meidield waarden oan bestjoer en redaksje?
3 Wa kaam mei it idee om Sipke Castelein oan te stellen as interim-manager?
4 Wat wie Castelein syn opdracht?
5 Wat wie syn termyn?
6 Wat wie syn honorarium? Wêr kinne wy de skriftlike stikken oangeande 4-6 fine?
7 Yn de reportaazje oer FF fan 26-1-1996
– https://weromrop.omropfryslan.nl/frl/utsjoering/frysk-en-frij –
stelle jo ûnder oaren dat der problemen wienen by FF.
Watfoar konkrete problemen doelden jo op?
-de advertinsjeynkomsten? (f 150.000,00 op jierbasis)
Jo neame:
-de direksje.
De direksje moast fuort, wurdt suggereard. Op watfoar grûnen stuollet feitlik dat de direksje net funksjonearde?
-it bestjoer.
Jo stelle dat de bestjoersleden Jelle Bangma en Johan van der Zee net kontakt mei jo hawwe woenen, ‘se raze en roppe’.
Dat kloppet neffens it FF-dossier feitlik net. Op watfoar stikken en/of mûnlinge boadskippen ha jo dy miening yndertiid basearre?
-de redaksje/it blêd.
Jo hiene gjin fertrouwen yn FF op it stuit fan dy reportaazje. Hoe ûnderbouden jo dat misbetrouwen?
-steateleden en kollega deputearren.
Moast Frysk en Frij him yn har belied en eksploitaasje foegje nei ûnsaaklik âldsear fan politisy?
8 Yn de reportaazje stelle jo dat nije lêzers oanlutsen wurde moasten.
Yn dy tiid hie FF 3.500 beteljende abonnee’s en waarden allegeduerigen jongere lêzers oanlutsen (nij literêr en sjoernalistyk talint). Wêr stuolle jo útgongspunt datoangeande neffens feiten op?
9 By fragen en/of oerlis: info@erfgoed-fundaasje.nl – 058-212 00 35.
Yn ôfwachting,
mei freonlike groetnis,
Goasse Brouwer
Replyk fan deputearde Bertus Mulder, 12 maaie 2023:
Oer Frysk en Frij
Achte Goasse Brouwer,
De konkrete beantwurding fan jo njoggen fragen freget in ûndersyk dat ik graach oerlit oan historisi/undersikers dy’t dêr de tiid foar hawwe en har ferdjipje kinne yn alle achterlizzende dokumenten. Dy moatte yn it argyf fan de Provinsje wol te finen wêze. Ik haw se hjir net ta myn beskikking en ik woe myn tiid mar net brûke om it wurk fan oaren te dwaan. En ik hie myn tiid driuwend nedich om te skiuwen oer saken dy’t ik sels útsykje woe. Dat gie oer de biografy fan Fokje Frânzes Pasma (1865-1956). En sûnt july 2022 bin ik oantangele mei mûlkanker, en dat is eins folle yngripender as ik yn’t foar tocht hie.
Wol kin ik fanút myn kennis oer de tiid fan doe út de holle in pear saken nei boppe helje. Lit ik begjinne mei te fertellen dat ik al yn Eindhoven (1976-1981) abonnearre wie op Frysk en Frij. Doe’t wy yn 1981 nei Fryslân ferhûzen, wie dan ek ien fan de earste dingen dy’t ik die: my opjaan foar in kursus Frysk fan de Afük.
Ik kaam yn 1991 foar de PvdA yn de Steaten. Earst siet ik yn twa kommisjes, de kommisje Wolwêzen en de kommisje AEZ. Doe’t ik yn it fraksjebestjoer kaam, moast ik de kommisje Wolwêzen opjaan. Ik waard yn 1995 deputearre fan kultuer (en miljeu), as opfolger fan Louis Lycklema. Hy hie de portefeuille oernommen fan Johanneke Liemburg, dy’t earder Keamerlid wurden wie.
Myn earste taspraak as deputearre kaam derop oan: de taspraak foar Frysk en Frij. Ik wit noch hiel goed dat ik de minsken yn dy byienkomst gjin inkelde ferwachting jaan woe dat ik Frysk en Frij wol rêde soe. It wie by dy gelegenheid dat ik my útspruts foar in Fryske soap op de doe noch hiel kwetsbere regionale telefysje, Omrop Fryslân. As foarbyld neamde ik: Hylke en Sytse Klinkhamer fan de Kameleon. Noch net sa’n raar idee. Der binne letter films oer makke.
De Steaten hiene har nocht fan Frysk en Frij. It wie al jierrenlang in dramatysk dossier. In nij subsydzjefersyk soe yn de Steaten op grutte wjerstân stjitte. Dat wie ien. En it twadde wie dat ik foar it Fryske taalbelied in breder grûnslach fine woe, net allinnich polityk, maar ek maatskiplik. It belied om Frysk en Frij te stypjen hold yn dat jild gong nei in lyts tal minsken dy’t it Frysk al liezen en ek al wol skriuwe koene. Der wie in folle grutter publyk te berikken mei it nije medium regionale telefysje.
Fansels woe ik besykje Frysk en Frij trochbestean te litten. Mar dan moast it út de sektaryske hoeke. Op freed 10 oktober 1995 waard ik by in ôfspraak mei it bestjoer fan F&F oerfallen troch de komplete redaksje fan F&F. Ik hie in ôfspraak mei it bestjoer fan F&F. De redaksje haw ik bûten de doar setten, en Goasse Brouwer mocht der as ‘directeur’ by wêze. Foar dizkear. Oanlieding wie de winsk fan it bestjoer ôf te treden. Ik haw se frege om dat net te dwaan, en om yn alle gefallen te soargjen foar in nij bestjoer. Der moast neffens my in nije start makke wurde, mei in nij bestjoer mei in breed bestjoerlik draachflak. Derfoar haw ik myn bêst dien: In ynterim-bestjoer, mei in grut polityk draachflak: dêr’t John te Loo, Djoeke de Graaf-Nauta, Gerrit Ybema en Harke van der Meer sitting yn nimme woene. Siet der ek net de boargemaster fan Harns by? Minsken mei rûnom kontakten. Minsken mei gesach. Minsken dy’t har bêst dwaan woene om it blêd in nije saaklike grûnslach te jaan, in breder publyk berikke woene. Derta lei de provinsje ek kontakt mei it Bedriuwsfûns foar de Parse. En Sipke Castelijn wie de man dy’t de skeakel wurde moast tusken blêd en ynterim-bestjoer. In man dy’t mei sukses de grutte kulturele projekten die by de Provinsje.
De iennichste fan de trije dy’t snapte wat der echt oan de hân wie, wie Geeske Krol. De beide oare bestjoersleden hearden ta de ‘fanklub’ fan Goasse.
En it wie de mannen fan F&F net nei’t sin. Op freed 5 jannewaris wiene de opnames foar Omrop Fryslân t.v. oer Frysk en Frij. Derby krige ik it fersyk om it ferhaal oer in ‘manager ad-interim’ werom te nimmen. Goasse Brouwer stelde dat as betingst foar syn meidwaan oan it t.v.-petear. Piter Tjeerdsma, de regisseur, die dat berjocht troch oan Jaap Castelijn en dy polske my deroer. Ik fûn it in griis.
Myn konklúzje wie dat it F&F ûntbruts oan bestjoerlike kwaliteit. Yn febrewaris 1996 wie der dan it besprek oer F&F yn de Steatekommisje. Dat moat op te sykjen wêze.
It is foar my noch altiten ûnbegryplik wêr’t dy wjerstân tsjin feroaring wei kaam – wêrom de reddingsboei dy’t ik oanrikte, fuortsmiten is. Of it moast al sa wêze dat Frysk en Frij it sûnder blêd en sûnder provinsjaal jild langer útsjonge koe (as útjouwer bygelyks), om’t der fermogensposysje fuortsterke wie troch in grut legaat?
Bertus Mulder, 12-05-2023.
Fragen oan Sipke Castelein, ‘ynterim-manager’
Hoewol’t de provinsje net mei stipe foar it blêd oer de brêge komt, stelt deputearde Bertus Mulder – sûnder rêgespraak mei Frysk en Frij – in ‘ynterim-manager’ foar it bedriuw oan.
Dat is drs Sipke Taeke Castelein (* Warkum 1941), projektlieder en ad interim direkteur by de Provinsje en eigner fan in advysburo.
Frysk en Frij is dêr tige mei ynnommen, as soks dan teminsten helpe kin om provinsjale stipe fan ’e grûn te krijen. De opdracht oan de ynterim-manager is lykwols net dúdlik. Castelein stelt op fragen fan bestjoer, redaksje en Komitee fan Oanbefelling dat er oan in ‘doorstart’ tinkt. En hy wol foar onbepaalde tiid ‘radiostilte’ yn acht nimme.
De redaksje nûget Castelein út om kennis te nimmen fan it tydskrift, de ynkomsten en útjeften. Castelein komt twa kear by it bedriuw oan. Him wurde alle relevante stikken yn hannen jûn. Nei moannen wurdt net bekend wat Castelein mei de gegevens docht. Op fragen komt Castelein syn standertantwurd: ‘Ik ha tiid noarich.’
Bestjoerslid Trinus Riemersma opperet: Goasse, ferspylje dyn tiid fierders net mear oan dy jildfergriemerij. At dy man al wer komt, set him in kop kofje foar mei wat derby fan dy. En at er dat op hat, wiist him heel freonlik it gat fan ’e doar.
As de einredakteur ris op it Provinsjehûs neier op ’e hichte steld wurde wol oangeande Castelein syn Frysk en Frij-wurksumheden, treft er Castelein achter in leech buro oan, allinne yn in keamer. ‘Ja Brouwer,’ seit Castelein, ‘dit buro is leech, want ik begjin mei neat.’
Castelein hat in wichtich oanpart yn it wjerfarren fan Frysk en Frij: trochdat him neat taastbers út hannen komt, stagneart en blokkeart syn onfruchtberens ûnderhannelingen oangeande jildlike stipe fan ’e Provinsje.
By it ta stân kommen fan dizze Kronyk wol Erfgoed Fundaasje graach it ferhaal fan ’e kant fan Castelein hearre. Dêrta freget de eardere haadredakteur op 22 jannewaris 2022 oer de tillefoan om meiwurking. Ofpraat wurdt dat Erfgoed Fundaasje wat fragen op papier sette sil en dat Castelein dy skriftlik beäntwurdet.
Hjirûnder de oanbelangjende brief.
Ljouwert, 22 jannewaris 2022
Underwerp: Kronyk Frysk en Frij
Achte Castelein,
Lykas sein yn ús tillefoanpetear fan hjoed, is de Stichting Erfgoed Fundaasje yn it ramt fan skiedskriuwing en argivearing oangeande bedriuwen te set mei in kronyk oer it tydskrift Frysk en Frij, sûnt 1944 en har foargonger Sljucht en Rjucht.
Sjoch: www.erfgoed-fundaasje.nl > Bedriuwen >> Frysk en Frij.
Oan ’e oarder komme ûnder oaren Fryske taalpolityk en poadia foar taal, literatuer en sjoernalistyk.
Om in sa goed mooglik sicht te krijen op de feitlike skiednis freegje wy eardere belutsenen om taljochtingen.
Jo hawwe as ynterim-manager ek in wichtich oanpart hân yn it wjerfarren fan Frysk en Frij.
Sadwaande wolle wy jo ek wat fragen foarlizzze. Foarearst de ûndersteande. It kin heel goed wêze dat wy letter mear ferlet hawwe fan ophelderingen.
1 Wat wie jo opdracht fan de Provinsje Fryslân oangeande it tydskrift Frysk en Frij?
2 Wa joech dy opdracht formeel?
3 Wat wie jo honorarium?
4 Hoe wie de ynformaasje nei de steateleden regele?
5 Idem mei bestjoer en redaksje fan FF?
6 Wêr kinne wy stikken datoangeande fine? Ek wat it tiidrek oanbelanget.
7 Yn de reportaazje oer FF fan 26-1-1996
– https://weromrop.omropfryslan.nl/frl/utsjoering/frysk-en-frij –
stelt Douwe Kootstra dat der by de Provinsje in ferburgen senario wie.
Wat hâlde dat feitlik yn neffens jo? Yn hokker stikken kinne wy dêr wat konkreets oer fine?
8 By fragen en/of oerlis: info@erfgoed-fundaasje.nl – 058-212 00 35.
Yn ôfwachting,
mei freonlike groetnis,
Goasse Brouwer
Frysk en Frij stjoert Castelein seis herinneringen en biedt oan om mei him om ’e tafel en eventueel syn befiningen op te skriuwen, mar krijt oant 15 maaie 2023 gjin antwurden.
Antwurden komme grif út letter ûndersyk.
Omrop Fryslân TV oer Frysk en Frij
Omrop Fryslân TV stjoert op 28 jannewaris 1996 in reportaazje út oer it tydskrift Frysk en Frij.
Oan it wurd komme:
-Bertus Mulder, kultuer-deputearde sûnt april 1994
-Ingrid Wagenaar, redaktrise fan De F-Side
-Douwe Kootstra, earder meiwurker fan moanneblêd De Strikel
-abonnees
-in advertearder
-de âld-bestjoersleden Jelle Bangma en Geeske Krol-Benedictus
-de redakteuren Sjoerd van Aalsum, Geart-Hessel de Boer en Goasse Brouwer.
Bygeliedende tekst fan ’e Omrop:
It moanneblêd Frysk en Frij sit finansjeel yn swier waar. It eardere wykblêd en letter twawyklikse blêd krijt gjin provinsjale subsydzje mear, al binne der noch wol petearen. Meiwurkers fertelle oer de swierrichheden. De provinsje soe in ferburgen aginda hawwe om Frysk & Frij op te heffen. Oan it wurd komme ûnder oare Goasse Brouwer, Sjoerd van Aalsum en Geart-Hessel de Boer, mar ek deputearre Bertus Mulder en Ingrid Wagenaar fan De F-side. Dizze wyklikse Fryske side yn beide kranten wie bedoeld om nije Frysklêzers te winnen, dêr gie provinsjale stipe hinne. Ek komme lêzers en advertearders oan it wurd.
Omrop Fryslân TV, 28-1-1996
De F-Side yn it Friesch Dagblad en de Leeuwarder Courant oer Frysk en Frij, 10-6-1997:
FuortSmytKatern – Weismytferhalen
De steateleden Frans Kuipers, CDA, en Willem Verf, Grien Links, stelle foar om midden yn it Hollânsktalige moanneblêd Friesland Post – tijdschrift over Friesland en de Friezen in Frysktalich katern op te nimmen. Guon dy’t dat net lêze wolle, kinne dat der dan maklik úthelje. Rillegau wurdt dy fiktive bylage FuortSmytKatern neamd.
Eelke Lok hat om syn Lêstafel minsken te sitten dy’t har ljocht skine litte oer dat ûndernimmen, ûnder oaren Wytse de Haan, foarsitter fan ’e Afûk, Frans Kuipers, Hannah Ludwig, steatelid foar de PvdA, Willem Verf en VVD-steatelid Waalkens:
Oer itselde katern wurdt praat yn ’e rubryk No sa fan Omrop Fryslân Radio troch Louis Lyklema, deputearde foar de VVD, dy’t op 12 april 1994 de kultuerportefúlje oerkrigen hat fan Johanneke Liemburg, mei’t dy in sit yn ’e Twadde Keamer ynnaam.
En fierders Wytse de Haan, foarsitter fan ’e Afûk, sjoernaliste Karin de Mik, Willem Verf, steatelid foar Grien Links, en teaterprodusint en kabaretier Leo Dykstra, hy hat it oer machtskonsintraasje en populisme:
Benefytmanifestaasje
As yn 1995 it gouden jubileum wol heel feestlik útpakt, tidigje abonnees, advertearders, bestjoer en redaksje noch op in kearpunt yn de provinsjale polityk – dy hoop is fergees en polityk nayf.
Trouw berjochtet, 2-5-1997: Frysk en Frij lijkt op sterven na dood
Dy easken liede ta protesten. Yn it blêd sels en oars ferskine hûnderten adhesybetsjûgingen. Dizze provinsjale taalpolityk wurdt yn it fjild massaal fersmiten.
Op foarstap fan sjonger-trûbadûr Piter Wilkens wurdt spontaan – ta ferrassing fan ’e redaksje fan Frysk en Frij – op 25 oktober 1997 in Benefytmanifestaasje – De died by it wurd – yn ’e Prinsetún te Ljouwert organiseard dêr’t hûndertfyftich keunstners har foar de saak ynsette en trijetûzen lju op ôfkomme. It Organisaasjekomitee bestiet neist Piter Wilkens út Tine Bethlehem, Lysbert Bonnema fan it F.L.M.D., Remmelt Boonstra fan Aaipop, en Henk Dykstra, meiwurker fan Frysk en Frij.
By Omrop Fryslân Radio hâldt Henk te Biesebeek in fraachpetear mei Piter Wilkens en Tine Bethlehem, 23-10-1997.
In breed skala fan literatoaren, popgroepen en sjongers manifesteare har lûd en tagelyk subtyl. Sjonger Ernst Langhout lanseart in protest-cd, reedriderskampioen Ids Postma nimt it earste eksimplaar yn ûntfangst.
Yn it oktobernûmer fan Frysk en Frij ferdútst Piter Wilkens wat de kulturelen beweecht om mei har middels – muzyk en oare keunsten – pal foar Frysk en Frij stean te gean:
De Leeuwarder Courant berjochtet as folget, ûnder oaren fia kultuerredakteur Sietse de Vries, dy’t as begjinnend ferslachjouwer syn sjoernalistike oplieding by Frysk en Frij genoaten hat:
Piter Wilkens: ‘Miskien is it wol tsjin better witten yn’, LC 24-10-1997
Aksje foar Frysk en Frij – Benefytmanifestaasje, LC 24-10-1997
Goasse Brouwer – Piter Wilkens, LC 24-10-1997
Swier waar, LC 24-10-1997
Lanlike kranten jouwe omtinken oan de Benefytmanifestaasje, klik hjir foar in artikel yn Trouw, 24-10-1997:
Honderdvijftig kunstenaars zetten zich in voor Frysk en Frij
Kranten ferslaan de muzikale Benefytmanifestaasje uteraard yn eigen toansoart, mear sit yn ’t fet:
Leeuwarder Courant, 27 oktober 1997
De ein
Troch de Benefytmanifestaasje komt de polityk net fan ’t plak.
Yn desimber 1997 ferskynt it magazine foar it lêst as moanneblêd. Mar dan noch tidigje redaksje, abonnee’s en advertearders op in provinsjale finansjele bydrage fan f 80.000,00 op grûn fan lûden út de Steatekommisje Wolwêzenssaken fan 3 desimber, sadat it tydskrift ien kear yn ’t fearnsjier útkomme kin. Sjoch yn dat lêste nûmer it redaksjoneel optimisme op side 3 en de bon om in kwartaalabonnemint te nimmen.
Eric Ennema fan Omrop Fryslân Radio ynterviewt Goasse Brouwer oer de redaksje har plannen oangeande dat fiktive ûndernimmen:
Dy tachtichtûzen komt net. Frysk en Frij kin gjin kwaliteit mear garandeare en hâldt om dy reden op.
Dat is net te fertarren foar guon leafhawwers fan eigen taal, dy wolle it noch net leauwe. In ad-hoc-kommisje sil trochsette mei in provisoarysk bledsje op basis fan net-betelle frijwillige skriuwers. Hja konstateare nei ytlike fergaderingen dat soks yndied net mear fan dizze tiid is en de gesonde ynfrastruktuer – oantoand troch Frysk en Frij – ûnderstek dwaan soe.
It kurieuze yn ús ferknipt kollektyf ûnthâld is dat Frysk en Frij de lêste azem útbloes omdat it gjin lucht mear krige yn ’e foarm fan strukturele oerheidsstipe. Mar Frysk en Frij hat it dêrsûnder noch seis jier úthâlden.
It lêste Frysk en Frij magazine stiet oan de ein ta boarch foar fakmanskip: in sûne ûndernimming, profesjoneel fan foarm, ynhâld en finansiering út eigen ynkomsten – en tekoart oan mienskipsjild fansels.
It digitale tiidperk stiet dan foar de doar, Frysk en Frij giet troch as útjouwerij.
Hjirûnder it lêste nûmer, desimber 1997:
Friese gezagsdragers verlost van lastige horzel
Wio Joustra evalueart Frysk en Frij, Volkskrant 17-2-1998
Frysk en Frij, het enige opinie- en familieblad in de Friese taal, is ter ziele. Niet voor het eerst in zijn ruim vijftigjarige geschiedenis: tussen 1966 en 1972 deed het blad noodgedwongen ook een knipperke, zoals hoofdredacteur en uitgever Goasse Brouwer het voorlopig ‘slapend’ voortbestaan van het blad noemt…
Van onze verslaggever
Wio Joustra
LEEUWARDEN
De reden is op het eerste gezicht het geslonken abonneebestand. Het Friese taalgebied is nu eenmaal erg klein. En, zoals in een later deze week te verschijnen bundel kritische essays over Friesland, het Fries en de Friese Beweging van Freark Bergstra, oud-voorzitter van de Fryske Akademy, te lezen staat: ‘Al hongen wy de minsken by hûnderten op, wy koene har noch net twinge om dat te dwaan wat hja net dwaan wolle: Frysk prate’.
Met andere woorden, zelfs op straffe van de galg kunnen mensen niet worden gedwongen Fries te praten. Of te lezen. Maar is een totale oplage van ruim 3300 wel zo laag? Brouwer: ‘De Friestalige potentiële achterban is 28 keer zo klein als de vergelijkbare Hollandstalige. Het is een vergelijking van appels met peren, maar relatief komen we daarmee op de tweede plaats, net na Elsevier en nog nipt voor Vrij Nederland.’
Wie het afgelopen jaar het gekrakeel en gekijf van provinciale politici en zelfbenoemde Friese cultuurpauzen over de subsidiëring van het blad heeft gevolgd, moet wel tot de conclusie komen dat er andere redenen zijn om de uit de illegaliteit ontsproten opvolger van Sljucht en Rjucht de nek om te draaien.
Frysk en Frij was onder de bezielende leiding van een klein groepje journalisten, dat jaren heeft gewerkt met behoud van uitkering, wel eens te eigenzinnig en te elitair voor de Friese gezagsdragers.
Het blad, met een keur aan columnisten, trapte kennelijk op lange tenen van bobo’s, die in Friesland pommeranten worden genoemd. Heel anders dan de door de provincie gesubsidieerde Friestalige F-side in de beide regionale dagbladen, of de Nederlandstalige Friesland Post: een soort Sjors en Sjimmie én Libelle, leuk voor thee- en breikransjes, maar bepaald geen diepzinnige literatuur.
In een tijdsgewricht waarin Europese minderheidsculturen alle kans krijgen zich te manifesteren, kan het enige zelfstandige, onafhankelijk geschreven journalistieke medium in de tweede rijkstaal het hoofd niet boven water houden. Een medium dat altijd een kweekvijver is geweest voor nieuw literair talent en Friestalige journalisten.
Staat het schaamrood de provincie die met alle geweld haar naam wenste te veranderen in Fryslân op de kaken? Nou nee. Het beschikbare geld wordt gestoken in wat door veel Friezen als een overbodig feest wordt gezien: de feestelijke herdenking van het feit dat Albrecht van Saksen 500 jaar geleden de baas werd in dit gewest. Maar geen 80 duizend gulden om Frysk en Frij als kwartaalblad in stand te houden.
De Ried fan de Fryske Beweging verwijt Gedeputeerde Staten daarom olygargysk te handelen. Als ‘een bevoorrechte klasse’ voeren deze regenten het bewind over Friesland, zegt deze, geheel in de stijl van de hertog Van Saksen die aan de roemruchte Friese vrijheidsliefde een einde maakte.
Maar op dit soort verbale plaagstootjes richting provinciehuis na, ontbreekt het ook de Friese Beweging aan enige creativiteit ten gunste van Frysk en Frij. Had Bergstra dan toch gelijk toen hij schreef dat de Fryske Beweging eigenlijk niet meer is dan ‘het streven de Friese taal zo langzaam mogelijk te laten uitsterven’?
Intussen verwijten de grote politieke partijen in de Provinciale Staten elkaar dat ze Frysk en Frij de dolkstoot hebben toegebracht. Een weinig verheffend schouwspel met middelmatige acteurs en een dramatische slotakte waarin de Frysk Nasjonale Partij wordt toegebeten ‘op demagogische wijze aan een dood paard te trekken’.
Verantwoordelijk gedeputeerde B. Mulder (PvdA) heeft inmiddels een commissie van deskundigen om zich heen verzameld. Die moet de levensvatbaarheid van een friestalig tijdschrift onderzoeken dat ten minste twee keer zo veel abonnees telt als Frysk en Frij.
De Friestaligen houden hun hart vast. Ze zien het als een onzalig idee de Friesland Post onder auspiciën van het AFUK, een semi-overheidsinstelling op onderwijsgebied, te laten verschijnen als tweetalig tijdschrift. Vooral luchtig en toeristisch, met de nadruk op al het moois dat Friesland te bieden heeft. En een Friestalig katern dat zo kan worden weggesmeten, een Fuortsmyt-katern dus.
Meiwurkers troch de jierren hinne
Elkenien dy’t har of him mei Frysk skriuwen okkupeart, is sawat anneks mei Frysk en Frij.
Klik hjirûnder foar de rigen op alfabet. Dizze waslisten binne by lange nei net kompleet. Wy stelle oanfullingen tige op priis. (Opjeften fan meiwurkers yn ’e ûnderskate ôfleveringen waarden net altyd sekuer byhâlden, soms stie in namme pas nei in jier yn it kolofon.)
Sjoch meiwurkers troch de jieren hinne
Noch hyltyd ferlet?
Noch hyltyd wurdt praat oer in sjoernalistyk Frysktalich skreaun medium foar in breed publyk.
Omrop Fryslân 25-4-2002: Pompeblêden twadde Frysk en Frij
Friesch Dagblad 6-6-2019: Friestalige journalist is nog amper te vinden
Omrop Fryslân 13-8-2019: Friestalige nieuwswebsite It Nijs viert tienjarig jubileum
Fúzje
Op 30 septimber 2021 is de Stichting Utjouwerij Frysk en Frij fuseard mei de Stichting Erfgoed Fundaasje yn de Stichting Erfgoed Fundaasje-Stichting Frysk en Frij, soks omreden fan:
-doelmjittigens op it mêd fan bestjoer en finânsjes; de stichtingen hawwe oerlapingen oangeande har wurksumheden en oparbeiden datoangeande al;
-effisjinsje op personielsgebiet. Yn ’e regeling LKS (LeanKosteSubsydzjes) fan de Gemeente Ljouwert binne by de stichting minsken oan it wurk mei in beheining, dat binne saneamde plakken foar Beskerme Wurkjen en dêrneist binne Wurkûnderfiningsplakken beskikber. Yn ’e praktyk dienen dizze minsken wurksumheden foar beide stichtingen.
Jubeljier
It jier 2023 is in tiid fan weromjefte oan wat de rjochtmjittige takomt en in tiid fan yn it lyk bringen. It argyf fan Frysk en Frij berêst by Tresoar, mar is dêr net ûntsletten. Kultuerdeputearre Sietske Poepjes hat oan Frysk en Frij tasein dat hja derfoar soargje sil dat yn dit jubeljier it argyf by de Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij yn ’e rin fan maaie weromkomt. Lykas dan ek fereffene wurde sil de foardering fan € 30.000,00 dy’t de stichting by Tresoar útstean hat fanwegen it ferrjochtsjen fan argyfwurksumheden.
Dat eigen argyf wurdt yn bewarring jûn by de Gemeente Waadhoeke, sadat it foar de takomst feilichsteld is, lykas ek oare argiven dy’t oan de stichting skonken of yn brûklien jûn binne. De stichting hat har statutêre sit te Bitgum en hâldt yn ’e rin fan dit jier kantoar te St.-Anne, middenyn Waadhoeke.
It doel is dat dit mienskipsbesit yn oktober symboalysk yn hannen fan wethâlder Jan Dykstra jûn wurdt. De argiven binne yn it gemeentehûs te Frjentsjer iepen foar ûndersyk.
Boarnen Argyf Frysk en Frij Lemma 188 in De ondergrondse pers 1940-1945, Lydia E. Winkel en Hans de Vries, 3e druk, 1989. Full-text (PDF) op Wikimedia Commons. Afleveringen van Frysk en Frij in full-text op Delpher.nl Beschrijving van Frysk en Frij in de catalogus van de Koninklijke Bibliotheek Oare boarnen en ferwizingen Frysk en Frij Wiki Frysk en Frij 50 jier – De wûnderlike libbensrin fan in strider Sjirk Frânses van der Burg en Kneppelfreed Sjirk Frânses van der Burg, In Memoriam – Rein Strikwerda, Tijdschrift voor diergeneeskunde, Deel 133, Aflevering 16, 15-8-2008 Directeur Omrop Fryslân overleden. Leeuwarder Courant, 14-10-1996 Oebele Vries, De Aldfryske pearformule Fry ende Freesk, Us Wurk XXXV, Rijks Universiteit Groningen, 1986 |