Meiwurkers troch de jierren hinne
Frysk en Frij is oarspronklik in fersetsblêd út de Twadde Weareldoarloch dat sûnt 1 oktober 1944 yn Utrecht en Bolswert útjûn waard.
It libbet nei de besetting folop en hat op syn hichtepunt mooglik 20.000 abonnees. It blêd krijt yn frijheid allegeduerigen te kampen mei jildkrapte fanwegen it lytse taalgebiet. It ‘sliept’ fan 1966 oant 1972, krijt syn draai wer begjin santiger jierren, groeit, floreart as famylje- en opinyblêd, mar wurdt yn 1997 opheft – it tydskrift is dan seis jier sûnder strukturele oerheidssinten útbrocht en de redaksje kin gjin kwaliteit mear garandeare.
Dêrmei ferdwynt tagelyk in poadium foar Frysktalige sjoernalistyk en in kweekfiver foar literêr talint.
Elkenien dy’t har of him mei Frysk skriuwen okkupeart, is sawat anneks mei Frysk en Frij.
Klik hjirûnder foar de rigen op alfabet en interviews mei ald meiwurkers. Dizze waslisten binne by lange nei net kompleet. Wy stelle oanfullingen tige op priis. (Opjeften fan meiwurkers yn ’e ûnderskate ôfleveringen waarden net altyd sekuer byhâlden, soms stie in namme pas nei in jier yn it kolofon.)
Ynhald
In swide rige bestjoerders en redakteuren
Hjirûnder rigen fan bestjoerders, redakteuren, einredakteuren, haadredakteuren, direkteuren en leden fan ’e redaksjerie. Ek dit is noch wurk yn útfiering.
Haadredakteuren
Einredakteuren
Redakteuren
Direkteuren
Bestjoerders
Ynterimbestjoerders
Adressen Frysk en Frij
Utjouwers Frysk en Frij
Meiwurkers troch de jierren hinne
Elkenien dy’t har of him mei Frysk skriuwen okkupeart, is sawat anneks mei Frysk en Frij.
Klik hjirûnder foar de rigen op alfabet. Dizze waslisten binne by lange nei net kompleet. Wy stelle oanfullingen tige op priis. (Opjeften fan meiwurkers yn ’e ûnderskate ôfleveringen waarden net altyd sekuer byhâlden, soms stie in namme pas nei in jier yn it kolofon.)
Algemiene meiwurkers
Literêre resinsinten
Kollumnisten
Meiwurkers politike kommentaren
Meiwurkers libbensbeskôglike bydragen
Nijjiersborrels en sa
Frysk en Frij hat alle jierren in Nijjiersborrel. En alle freden slút de redaksje de wurkwike ôf mei it ferarbeidzjen yn ’e stamkroech: De Pauw, De Stee, Het Wapen van Leeuwarden. Meiwurkers witte har dêr te sitten, skowe oan en adviseare derop los. Inkeld feroarlovet it bedriuw har in personielsreiske.