GENEALOGY BLOEMHOF
TRYNWÂLDEN
Undersyk:
-Erfgoed Fundaasje
-oanfullingen Sietske Bloemhof
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
Wat is in Genealogy?
Dizze genealogy is simpelder fan opset as de gongbere yndieling by genealogiën. Dat kin hjir goed omdat dizze famylje net sa wiidweidich is. De Romeinse sifers jouwe de generaasje oan, de Arabise it persoansnûmer. Dy nûmering wurdt geandewei bysteld neffens nije gegevens út ûndersyk. Sadwaande binne foar in part de persoansnûmers yn generaasje VIII en fierder noch net ynfuld.
Der is gjin yndeks, lykas yn in boek. Mar handiger as in ynhâldsopjefte is de sykfunksje op ’e kompjûter. Unmisber om daliks del te striken by de namme, it plak of de datum dy’tst sikest (oars moatst de hele boel trochskrolle).
Graach oanfullingen (data, foto’s, anekdoates, ensfh.) en ferbetteringen nei: info@erfgoed-fundaasje.nl
De godtsjinst by dit laach is meast Nederlâns Herfoarmd. Guon slute har oan by de Ofskieding fan 1834 en binne as sadanich Kristlik Grifformeard, sûnt 1892 Grifformeard, lykas Sybe Sapes Bloemhof (V.7), Folkje Sapes (V.9), Doeye Foekes (V.21) en Aaltje Doeyes (VI.18) en neiteam.
By de troude froulju stiet yn ’e akten meast: sûnder berop. Dat is hjir net oernommen, behalve as by dy persoan earder of letter wol in berop neamd is. It seit himsels dat foar de twadde helte fan ’e 20ste iuw de frou fan in arbeider, dy fan in boer en in winkelman bygelyks, net allinne foar de húshâlding opkomt, mar ek bûten ‘kantoaroeren’ om arbeidersfrou, boerinne of winkelfrou is.
De trije soannen fan Sape Sybes en Folkje Doeyes – Sybe, Jabik en Doeye – (Generaasje III.1, 2 en 4) nimme yn 1811 de namme Bloemhof oan. Eins befestigje se dy fan, want foarfaars brûkten dy fan ek al. Sa stiet Sybe Sapes Bloemhof (III.1) yn 1768 te boek as Bloemhof.
Hjirboppe de akte fan Doeye. Hy is mooglik net o sa bedreaun yn skriuwen, sjoen de lytse letter; hoewol, de sierlike D en S tsjûgje fan ’t tsjinoerstelde.
Doeye tekenet ûnder de berte-akte fan syn dochter Akke: Blomhof. Yn ’e deistige omgong sil er meast Doeye Sapes neamd wêze, sûnder achternamme. Mar as de fan dan al brûkt wurdt, sil mooglik Blomhof sein wurde.
Der binne ek noch gâns oare slachten Bloemhof dy’t net besibbe binne, lykas de neiteam fan Bouwe Nannes te Eastermar, mei neiteam te Sumar, Cornelis Tækes te Jorwert en Jacob Bootes te Mildam, dy’t yn 1811 de namme Bloemhof allyksa oannimme. Foar de famylje fan Bouwe Nannes sjoch: Sybe Frederiks Hooghiemstra – Familieboek van de Bloemhofs die afstammen van Roeleff Buwez, eigen behear, Drachten, 1977. Fierders binne der noch rju lagen en stagen mei dûbel f, bygelyks te Harns, Ljouwert, Sleat en yn ’e Stellingwerven.
Generaasje I
I.1 Sybe Pytters * Readtsjerk? omstrings 1680 † Ryptsjerk -4-1746; yn 1706 te Ryptsjerk, boer te Readtsjerk en Ryptsjerk; syn boel wurdt te Ryptsjerk berêden op 5-5-1746;
x 1 Readtsjerk 14-2-1706 Yttje Sapes * omstrings 1680 † foar 1722, yn 1706 te Readtsjerk; dr f. Sape Jacobs en Symke Elings;
x 2 Ryptsjerk 7-6-1722 Aukje Theunis ~ Burgum 20-3-1692 † omstrings 1730;
x 3 Ryptsjerk 27-1-1732
Lysbeth Oenes ~ Feanwâlden 1-4-1708 † Hurdegaryp -10-1789; yn 1732 te Ryptsjerk, se kin dêr as widdo ‘ternauwernood de cost winnen’, fermogen hat se net
Sjoch nrs. 128 en 129 yn ’e Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof
Generaasje II
Bern út it boask fan Sybe Pytters en Yttje Sapes:
II.1 Pieter Sybes * omstrings 1708
II.2 Pieter Sybes * omstrings 1710
II.3 Symentje Sybes (ek: Symke) * omstrings 1712
II.4 Sape Sybes ~ Ryptsjerk-Aldtsjerk 3-4-1718
Bern út it boask Sybe Pytters en Aukje Theunis:
II.5 Theunis Sybes * omstrings 1723
II.6 Tjeerd Sybes * omstrings 1724
II.7 Ytje Sybes * omstrings 1726
II.8 Ytje Sybes * omstrings 1727
II.9 Joukje Sybes * omstrings 1730
Bern út it boask Sybe Pytters en Lysbeth Oenes:
II.10 Hiltje Sybes * omstrings 1732
II.11 Oene Sybes * omstrings 1734
II.12 Akke Sybes (ek: Aukje) * Omstrings 1736
II.13 Aaltje Sybes * omstrings 1739
II.14 Sape Sybes ~ Ryptsjerk 26-5-1743 † Oentsjerk 21-2-1810; arbeider, wennet yn 1768 te Hurdegaryp nr 48, en Ryptsjerk, yn 1804 te Oentsjerk nr 54; wennet yn 1805 yn by syn âldste soan Sape wurdt dan bedield (aliminteard); hy is yn 1800 erfgenamt fan syn suster Hiltsje
x Hurdegaryp 23-5-1768, hy fan Hurdegaryp, sy fan Ryptsjerk, Folkje Doeyes * Ryptsjerk omstrings 1745 dr f. Doeye Jacobs, boer te Ryptsjerk, en Gertje Gerrits
Bern sjoch: III.1 o/m III.7
Sjoch: nrs 64 en 65 yn ’e Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof
Generaasje III
Bern fan Sape Sybes en Folkje Doeyes II.14
III.1 Sybe Sapes Bloemhof * Hurdegaryp 9-1-1768 ~ Ryptsjerk 5-9-1777 (~ tagelyk mei Doeye) † Oentsjerk 20-3-1821, hûsnr 99; op 19-11-1794 oannommen as soldaat yn ’t rezjymint fan M. van Acronius (argyf Steatsrie ynvintarisnr 1949 f. 357), letter wierskynlik hofker op Heemstra State, dêrnei arbeider en yn 1811 en by ferstjerren húsman (=boer) te Oentsjerk;
x Pietje Klazes Postma * Oentsjerk 21-6-1780 ~ dêr 3-9-1780 † dêr 26-4-1863, 82 jier; kin net skriuwe; Pytsje docht (mei Sybe?) belidenis te Oentsjerk 27-12-1817; yn 1811, ’27 boerinne te Oentsjerk; yn 1838 dêr arbeidster; op 2-5-1857 lûkt se yn by de húshâlding fan har soan Klaas Sybes (IV.1); dr f. Klaas Klazes Postma († Oentsjerk 4-4-1813, 66 jier, hûsnr 99) en Aaltje Wymers
Pytsje ferkeapet 14-4-1827 libbene have en ûnreplik guod te Oentsjerk; keapsom: f 663,00
Bern sjoch: IV 1 o/m 4
Advertinsje Leeuwarder Courant, 6 en 13-4-1827:
III.2 Doeye Sapes Bloemhof * Ryptsjerk 17-2-1770 ~ dêr 5-9-1777 (opmerklik dat er as jonge fan sân doopt wurdt, tagelyk mei syn âldere broer Sybe, sjoch ûnder nr 64) † Aldtsjerk 24-3-1832, 63 jier; yn 1811 arbeider te Aldtsjerk, yn 1811/’12 idem te Oentsjerk, yn 1815 keapman te Aldtsjerk, yn 1829, ’30 en by syn ferstjerren fearskipper te Aldtsjerk;
x 1 Oentsjerk 14-9-1794, hy fan Ryptsjerk, sy fan Aldtsjerk, Maaike Wybrens (postúm Van der Let, sa mei de achternamme neamd yn ’e stjerakte fan har soan Wybren);
Bern sjoch: IV.7
x 2 Aldtsjerk 30-6-1799, hy fan Oentsjerk, sy fan Aldtsjerk, Beitske Foekes Noteboom * Aldtsjerk 23-5-1774 ~ dêr 10-7-1774 † dêr 14-3-1827; dr f. ; dr f. Foeke Andries Nooteboom en Akke Willems (ek: Antje)
Sjoch: nrs 32 en 33 yn ’e Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof
Bern sjoch: IV.6 o/m IV.10
III.3 Lysbeth Sapes Bloemhof * Ryptsjerk 28-6-1777
III.4 Jacob Sapes Bloemhof * Ryptsjerk 20-7-1779 ~ dêr 29-8-1779 † Gytsjerk 24-10-1850; Jabik kin net skriuwe; yn 1806 arbeider te Readtsjerk, yn 1809, ’16, ’22 te Oentsjerk, yn 1811, ’14 te Gytsjerk en noch by syn ferstjerren mei 72 jier;
x 1 Burdaard 12-5-1805 Fokeltje Hendriks, dan beide fan Burdaard, † Readtsjerk (of Hallum) omstrings 1806; Jabik en Fokel komme 18-5-1806 te Readtsjerk mei attestaasje fan Burdaard; se ferfarre letter nei Hallum, stiet dêrby oantekene yn ’t lidmateregister
x 2 Aldtsjerk-Readtsjerk, mei attestaasje fan Burdaard, 18-5-1806 Baukje Idserts Dijkstra * Britsum 26-5-1786 † Gytsjerk 8-3-1848, 61 jier; dr f. Ids en Grietje (neffens stjerakte fan Baukje; patronimen net bekend); Ids wurdt ek neamd: Idsert, Edze en Jitse
Bern sjoch: IV.13 o/m IV.18
III.5 Gertje Sapes Bloemhof (ek: Getje en Geertje, se sil mooglik Gjet neamd wêze) * Ryptsjerk 10-12-1781 ~ dêr 17-12-1781 † dêr 4-4-1849, 66 jier; feanbazinne, komelkerske en boerinne te Gytsjerk;
x Johannes Johannes Folkertsma * Aldtsjerk 1771 (neffens it Registre civique kanton Burgum is it: * Oentsjerk 1772) † Gytsjerk 23-1-1860; yn 1806 skipper en feanbaas te Mûnein, yn 1810 idem te Gytsjerk, yn 1811. ’12, ’15, ’18 dêr feanbaas, yn 1836, 41, ’49, ’66 dêr komelker, yn 1832, ’33, ’41, dêr boer neamd; sn f. Johannes Piebes en Symke Eeltjes te Aldtsjerk
Jehannes keapet 30-10-1813 in hûs en lân te Gytsjerk fan Hendrik Sanders Muller te Gytsjerk, keapsom: f 2.520,00; op 4-9-1815 hat er in skuld fan 1.200,00 by Hylke Atzes Bosma te Ryptsjerk en fan f 600,00 by oare skuldeaskers.
De erven fan Jehannes en Gjet ferkeapje op 15-3-1860 yn ’e mande mei Gaatze Pieters de Vries te Gytsjerk in hûs en lân te Gytsjerk foar f 7.384,00.
Hjirûnder in steatsje fan Jehannes en Gjet har besit te Gytsjerk:
Perseelnr. | Yn gebrûk as | Oerflakte m² | Klasse | Belesting |
500 | Hûs en hiem | 720 | 1 | 21 |
501 | Hôf | 1500 | 1 | |
513 | Greide | 1800 | 4 | |
513 a | Boulân | 2630 | 4 | |
514 | Boulân | 13180 | 4 |
Advertinsje Leeuwarder Courant, 9-3-1860:
III.6 Lysbeth Sapes Bloemhof (ek: Lysbert, Lysbet) * Ryptsjerk 1-11-1786 † Oentsjerk 10-3-1859, 72 jier (yn ’e stjerakte stiet as berteplak Oentsjerk, dat is in fersin); belidenis te Gytsjerk 6-9-1841; by trouwen tsjinstfaam te Oentsjerk, dêrnei boerinne te Gytsjerk oant maaie 1851 tink, want dan ferfart se nei Oentsjerk;
x Tytsjerksteradiel 8-6-1824, 64 en 37 jier, Willem Durks Veenstra * Gytsjerk 13-2-1760 † dêr 19-2-1838; húsman te Gytsjerk; sn f. Dirk Theunis en Rinske Willems te Gytsjerk
Yn ’e trou-akte wurdt Willem syn achternamme skreaun as Veenstra, yn syn stjerakte as Feenstra
Lysbet ferhiert yn 1839, ’40 en ’55 lân te Gytsjerk; har erfgenamten – Lysbet en Willem en hawwe gjin bern – ferkeapje op 23-4-1859 lân ûnder Gytsjerk oan Gerrit Pieters van der Meer te Gytsjerk (IV.10), keapsom: f 2872,00
Advertinsje Leeuwarder Courant, 15-4-1859:
III.7 Oene Sapes Bloemhof * Ryptsjerk 2-8-1789 † wierskynlik jong
Generaasje IV
Bern fan Sybe Sapes Bloemhof en Pietje Klazes Postma III.1
IV.1 Klaas Sybes Bloemhof * Oentsjerk 23-11-1804 ~ dêr 23-11-1804 † Gytsjerk 25-3-1877; yn 1863, ’71, ’72 tsjerkfâd te Gytsjerk; yn 1835 serzjant-majoar 5e Kompanjy, 3e Bataljon, 1e Ofdieling mobile Fryske Skutterij yn garnisoen te Ljouwert; wennet yn 1839 te Ljouwert; yn 1839, ’42 doarwarder Direkte Belestings te Gytsjerk; yn 1843, ’45 dêr jachtopsjenner; yn 1844 dêr houtfester; wennet yn 1851 te Lekkum; komelker te Gytsjerk, yn 1869, ’77 dêr bouboer (hûsnr 15BK); yn 1862, ’63 dêr taksateur;
x Tytsjerksteradiel 9-5-1835 Maaike Dirks van der Heide * Gytsjerk 19-3-1808 † dêr 27-5-1871; dr f. Dirk Hendriks van der Heide, boer te Gytsjerk, en Geertje Klases Sikma
Klaas keapet yn 1847 lân te Burdaard, keapsom: f 550,00; yn 1862 idem te Hurdegaryp, keapsom: f 119,00; yn 1874 keapet er lân te Gytsjerk, keapsom: f 2130,00 en dêr oerhinne in hûs en lân fan Ysbrand Foppes Liezinga te Gytsjerk, keapsom: f 540; yn 1852 hat er in skuld by Anna Maria Clara Bruinsma te Ljouwert fan f 500,00
Bern sjoch: V.1 o/m V.5
Advertinsje Leeuwarder Courant, 19-2-1847, ferkeaping út it erfskip fan Maaike har heit Durk Hindriks van der Heide:
Klaas Sybes en Maaike besitte in bêste bear ta eigen en oarmans geriif. Advertinsje Leeuwarder Courant:
Klaas fentileart yn ’e mande mei oare liberalen syn politike foarkar. Advertinsje Leeuwarder Courant:
Klaas is tsjerkfâd te Gytsjerk. Advertinsje Leeuwarder Courant, 1871
IV.2 Folketje Sybes Bloemhof (yn ’e útspraak fan Folkertje is de r stom, Folketje is hjir sadwaande fonologysk stavere: Folketsje; ek: Folkje) * Oentsjerk 9-1-1807 ~ dêr 8-2-1807 † dêr 22-9-1808
IV.3 Sape Sybes Bloemhof * Oentsjerk 30-6-1809 ~ dêr 13-8-1809 † Burgum 1-7-1866, 57 jier; by trouwen bakker op Snakkerbuorren ûnder Lekkum, yn 1938 en ’40 te Lekkum, yn 1841 bakker te Burgum; komt 16-11-1844 út Lekkum yn Westergeast, dêr yn 1844, ’46 arbeider; yn 1846, ’47 idem te Feankleaster, letter idem ûnder De Westereen, sûnt 22-5-1863 te Burgum
x Ljouwerteradiel 17-5-1838 Houkje Rinses Bil (wurdt yn akten ek gauris Aukje neamd) * Wyns 11-12-1812 † Burgum 4-2-1894; Houkje kin net skriuwe; bakkerinne te Lekkum, ferfart 16-11-1844 út Lekkum nei Kollum, húshâldster te Burgum, yn 1861, ’71 dêr arbeidster, 1872 dêr naaister, by ferstjerren dêr sûnder berop; Houkje wennet op ’e âlde dei yn by har soannen Sape te Burgum (nr 475) en letter by Wymer ûnder Burgum (nrs 194, 223); dr f. Rinse Gerrits Bil, timmerman te Wyns, en Gerkje Feyes Humalda
Sape keapet 12-10-1841 in hûs te Burgum, keapsom: f 600,00; hy ferkeapet 17-11-1846 in hûs te Burgum, keapsom: f 410,00
Bern sjoch: V.6 o/m V.12
Advertinsje Leeuwarder Courant 27-11 en 4, 11, 18 en 25-12-1840:
IV.4 Wymer Sybes Bloemhof* Oentsjerk 22-10-1813 † dêr 7-2-1821, 7 jier, hûsnr 99
IV.5 Folkjen Sybes Bloemhof (ek: Folkje) * Oentsjerk 9-6-1811 ~ dêr 7-7-1811 † dêr 23-5-1852; by trouwen naaister te Oentsjerk, by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 9-5-1840 Sytse Sjirks Roosma * Oentsjerk 29-10-1808 † dêr 10-1-1878; yn 1861 tsjerkfâd te Oentsjerk; yn 1852, ’54, ’55 dêr fjildwachter; yn 1859, ’71, ’78 dêre greidboer en bouboer; yn 1876 taksateur by boedelskieding; sn f. Sierk Reins Roosma (ek: Sjirk), boer te Oentsjerk, en Romkje Fokkes Fokkema;
Sytse x 2 Tytsjerksteradiel 1-9-1855 Trijntje Willems van der Ploeg * Readtsjerk 28-7-1830 † Oentsjerk 16-5-1895; by trouwen en yn 1892 sûnder berop te Oentsjerk; yn 1878 dêr boerinne; ferfart 14-10-1879 nei Readtsjerk; dr f. Willem Geerts van der Ploeg, boer te Readtsjerk, en Trijntje Jans Spoelstra;
Tryntsje x 2 Tytsjerksteradiel 14-10-1882, 52 en 62 jier, Luitjen Harings Viersen (ek: Luitzen) * Feanwâlden 31-7-1820 † Oentsjerk 17-6-1891; yn 1847 boer te Drachten; wennet te Ljouwert yn ’e snuorje 1853, ’60, ’68, ’85, ’90; te Drachten 1847, ’76, ’79, ’82, hy is dêr bouboer; by syn trouwen dêr neamd sûnder berop; yn 1885, ’87, 90 en ’91 greidboer te Oentsjerk; Lútsen keapet en ferkeapet gâns lân en huzen, ûnder oaren te Drachten, Gytsjerk en Readtsjerk; hy is jildsjitter, c.q. skuldeasker fan party lju; sn f. Haring Ypes Viersen, boer te Feanwâlden, en Hiltje Geerts de Beer
Sytse Sjirks ferkeapet ûnder oaren op 1-2-1866 boulân te Gytsjerk, keapsom: f 1105,00; hy hat op 17-1-1867 in skuld fan f 1000,00 by Rein Sierks Roosma te Oentsjerk.
Tryntsje Willems ferkeapet 25-3-1854 5/12 part fan in hûs, skuorke, hiem en tún te Oentsjerk, keapsom: f 581,00
IV.6 Ale Sybes Bloemhof * Oentsjerk 18-6-1815 † dêr 30-4-1816, 11 moanne, hûsnr 99
Bern út it boask fan Doeye Sapes Bloemhof en Maaike Wybrens (van der Let) III.2
IV 7 Wybren Doeyes Bloemhof * Oentsjerk 21-1-1795 † Miedum 2-3-1844, 49 jier, hûsnr 8; by trouwen arbeider te Aldtsjerk, yn 1831, ’34, ’35, ’38 arbeider te Lekkum, yn 1844 te Miedum;
x Tytsjerksteradiel 22-5-1830 Tjitske Sytses Stel * Eastrum 1797 † Miedum 28-9-1855; by trouwen faam te Miedum; dr f. Sytse Tjeerds Stel, arbeider te Eastrum, en Sytske Eelkes, yn 1830 arbeidster te Feanwâlden
Wybren ferkeapet yn ’e mande mei Lutske, Aitske en Wybren Rinses van der Let in keamer mei foarhûs te Oentsjerk, keapsom: f 300,00
Bern sjoch: V.13 o/m V.17
Bern út it boask fan Doeye Sapes Bloemhof en Beitske Foekes Noteboom III.2
IV.8 Sape Doeyes Bloemhof * Aldtsjerk 1-10-1799 † dêr 1799
IV.9 Sape Doeyes Bloemhof * Aldtsjerk 4-11-1800 † dêr 29-9-1860; yn 1830, ’39 fearskipper te Aldtsjerk, yn 1860 dêr kastlein;
x Tytsjerksteradiel 5-6-1830 Hiltje Symens Rinsma * Aldtsjerk 16-8-1804 ~ dêr 7-10-1804 † dêr 24-1-1861; dr f. Symen Rinses Rinsma, húsman/boer te Aldtsjerk, en Sytske Foekes Noteboom
Sape keapet 26-3-1833 in hûs en de helte fan twa fearskippen fan Douwe Ypes Postma te Aldtsjerk. Hy ferkeapet 11-4-1837 yn ’e mande mei Foeke, Andries en Akke Doeyes Bloemhof in hûs te Aldtsjerk, keapsom: f 325,00; hy ferkeapet 4-1-1840 in hûs te Aldtsjerk oan Hiltje Fokkes Fokkema, widdo Klaas Sytses Miedema te Aldtsjerk, keapsom: f 900,00
Sjoch nrs 16 en 17 yn ’e Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof
Bern sjoch: V.18 o/m V.20
IV.10 Foeke Doeyes Bloemhof * Aldtsjerk 5-3-1807 † Oentsjerk 30-3-1873, 66 jier; Foeke kin net skriuwe; by trouwen arbeider te Gytsjerk, yn 1833 te Aldtsjerk, yn 1830, ’35, ’38, ’41 te Oentsjerk;
x Tytsjerksteradiel 9-5-1829 Trijntje Jans van der Ark * Oentsjerk 22-7-1806 ~ dêr 10-8-1808 † dêr 6-3-1888; by trouwen naaister te Aldtsjerk; dr f. Jan Pylgers van der Ark, arbeider te Oentsjerk, en Foekje Klazes Faber
Bern sjoch: V.21 o/m V.27
IV.11 Andries Doeyes Bloemhof * Aldtsjerk 16-2-1811 ~ dêr 31-3-1811 † Wânswert 7-4-1860, 49 jier, hûsnr 23; by trouwen arbeider te Aldtsjerk, dêrnei boer op ’e Tsjerkepleats te Wânswert;
x Ferwerteradiel 4-11-1837, 26 en 37 jier Antje Jans Tolsma (ek: Talsma) * Wânswert 7-2-1800 ~ dêr 30-3-1800 † 11-3-1875, 75 jier; boerinne te Wânswert; dr f. Jan Baukes Tolsma, boer te Wânswert, en Maaike Wybrens Terpstra;
Antsje x 1 Ferwerteradiel 18-5-1826 Ritske Dirks Bokma * Hallum 25-3-1804 ~ dêr 15-4-1804 † Wânswert 18-7-1832, boer te Wânswert, sn f. Dirk Bokkes Bokma, boer te Hallum, en Janke Cornelis Dijkstra
Andries hiert 23-1-1840 lân te Wânswert fan Lykele Wygers Hellema te Wânswert, boarch stiet syn skoanmem en Dirk Bokkes Bokma te Hallum; op 24-10-1844 hiert er lân te Wânswert fan deselde en 29-9-1849 in sate mei lân mei noch in hûs (nr 22) mei skuorre, hôf en hiem fan deselde, foar beide stiet syn skoanmem wer boarch; op 24-9-1855 hiert er fan deselde lân te Wânswert, dan stiet boarch syn sweager Wybren Jans Tolsma
Andries en Antsje hawwe gjin bern
IV.12 Akke Doeyes Bloemhof * Aldtsjerk 5-1-1814 † Gytsjerk 16-4-1896; by trouwen faam te Aldtsjerk; yn 1876, ’84 boerinne te Gytsjerk; wennet op ’e âlde dei yn by har bern Doeye en Akke (V.20)
x Dantumadiel 17-5-1835 Gerrit Pieters van der Meer * Readtsjerk 22-1-1811 † Gytsjerk 24-2-1872; by trouwen sûnder berop te Readtsjerk, dêrnei dêr koaiker en boer te Gytsjerk; sn f. Pieter Jans van der Meer en Sytske Gosses Algra, boeren te Readtsjerk
Sjoch nrs 40 en 41 yn ’e Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof
Akke ferkeapet 30-11-1872 mei har bern greide ûnder Wyns oan ’e jonkers De Vaynes van Brakell te Arnhem; keapsom: f 1600,00;
se ferkeapet idem op 29-3-1888 lân te Oentsjerk oan Fedde Roelofs Oostwoud te Gytsjerk, en lân te Gytsjerk oan Binne Douwes van der Meer te Gytsjerk, keapsom: f 2500,00; idem lân te Gytsjerk oan har soannen Doeye (V.) te Gytsjerk en Sape Gerrits van der Meer te Oentsjerk, keapsommen respektivelik: f 10.000,00 en f 10.500,00; Akke hat op 21-1-1890 in skuld fan f 750,00 by Klaas Djurrema te Apeldoarn en 9-5-1892 idem fan 900,00 by Janke Elisabeth van Andringa te Apeldoorn
Advertinsje yn ’e Leeuwarder Courant, 27-2 en 1-3-1872:
Bern fan Jacob Sapes Bloemhof en Baukje Idserts Dijkstra III.44
IV.13 Rinske Jacobs Bloemhof * Readtsjerk 17-3-1806 † wierskynlik jong
IV.14 Edse Jacobs Bloemhof * Oentsjerk 27-7-1809 † Grins yn’e Garnisoens sikeseal, wenjend te Gytsjerk 10-1-1830, 20 jier; fuselier Ynfantery, 2e Kompanjy, 1e Bataljon, 8e Ofdieling
IV.15 Folkje Jacobs Bloemhof * Gytsjerk 20-9-1811 † Burgum 31-10-1848;
x Tytsjerksteradiel 6-2-1836 Jelle Gerrits Veenstra * Burgum omstrings 1809 † dêr 25-4-1859, 50 jier; yn 1836 arbeider te Readtsjerk, yn 1838, ’42 te Oentsjerk, yn 1845 te Gytsjerk, yn 1847, ’48 te Burgum; sn f. Gerrit Everts van der Veen, arbeider op it Burgumer Fean, yn 1811 idem ûnder Burgum en Antje Harts;
Jelle x 2 Tytsjerksteradiel 23-6-1849 Hiltje Sjoerds Bouma * Burgum 14-12-1813 † dêr 9-6-1869; dr f. Sjoerd Kornelis Bouma, arbeider te Burgum, en Stijntje Jans, arbeidster te Burgum
De namme Veenstra wurdt ôfwiksele mei Van der Veen en Feenstra. Dy lêste fan – mei in F – nimt Gerrit Everts oan by de namme-oannimming yn 1811; hy tekenet net, want hy hat gjin skriuwen leard
IV.16 Grietje Jacobs Bloemhof * Gytsjerk 24-11-1814 † Oentsjerk 27-1-1817, 2 jier
IV.17 Saapke Jacobs Bloemhof * Oentsjerk 11-12-1816 † dêr 25-5-1884;Saapke kin net skriuwe; arbeidster te Oentsjerk, by har ferstjerren mei 67 jier noch;
x Auke Douwes de Vries * Oentsjerk 17-3-1822 † dêr 27-7-1898; arbeider te Oentsjerk, by syn ferstjerren mei 76 jier noch (hûsnrs û.0: 166, 159, 20 bûten)
IV.18 Sybe Jacobs Bloemhof * Oentsjerk 20-5-1822 † Gytsjerk 21-11-1865, 43 jier; arbeider te Gytsjerk (nrs 14K, 20) 1852, ’65;
x Tytsjerksteradiel 10-5-1851 Trijntje Alberts de Vries * Gytsjerk 22-2-1826 † dêr 24-10-1862; by trouwen faam te Gytsjerk; dr f. Albert Hinkes de Vries, fearskipper te Gytsjerk, en Klaaske Baukes Bonsma, yn 1833 fearskipperske te Gytsjerk, 1851 dêr skipperske
Sybe keapet 28-2-1849 2/3 part greidelân ûnder Gytsjerk fan syn heit en suster Saapke, keapsom: f 208,00; op 6-2-1889 keapet er in hûs te Burgum, keapsom: f 405,00
Bern sjoch: V.28 o/m V.30
Generaasje V
Bern fan Klaas Sybes Bloemhof en Maaike Dirks van der Heide IV.1
V.1 Sybe Klazes Bloemhof * Gytsjerk 26-6-1835 † dêr 2-5-1883, 47 jier; boer te Gytsjerk
V.2 Dirk Klazes Bloemhof * Gytsjerk 14-2-1837 † dêr 5-2-1877. 40 jier; boer te Gytsjerk
V.3 Wymer Klazes Bloemhof * Gytsjerk 10-11-1839 † dêr 7-3-1845, 5 jier
V.4 Pietje Klazes Bloemhof * Gytsjerk 22-4-1842 † dêr 12-9-1921; by trouwen en ferstjerren en dertuskenyn wurdt opjûn: sûnder berop; mar lykas safolle froulju: ûndertusken;
x Tytsjerksteradiel 12-5-1866, 24 en 30 jier, Kornelis Jacobs Sikma * Gytsjerk 3-1-1836 † dêr 26-8-1913; tsjerkfâd te Gytsjerk; komelker, letter greidboer te Gytsjerk; sn f. Jacob Kornelis Sikma, boer, taksateur en tsjerkfâd te Gytsjerk, en Teetske Symens Algra
Knillis keapet ûnder oaren 9-3-1878 greide te Wyns, keapsom f 400,00; 21-4-1883 lân te Gytsjerk, keapsom: f 5260,00; 20-9-1900 idem, keapsom: f 800,00; idem 3-1-1910 lân te Jelsum, keapsom: f 2228,00; idem 20-12-1904 greide te Readtsjerk, keapsom: f 6486,00;.
Knillis ferkeapet 11-6-1884 lân te Gytsjerk, keapsom: f 550,00.
Op 12-1-1885 hat er in skuld fan f 6000,00 by de Rotterdamsche Hypotheekbank en by Ritske Ysbrands Liezinga te Gytsjerk; op 14-5-1911 is er f 2000,00 skuldich oan Gurbe Feyes Wijnterp te Gytsjerk
V.5 Geertje Klazes Bloemhof (ek: Gertje) * Gytsjerk 21-2-1845 † dêr 22-1-1895; by trouwen sûnder berop
x Tytsjerksteradiel 15-5-1869 Willem Douwes van der Meer * Gytsjerk 31-1-1844 † dêr 17-3-1922; greidboer te Gytsjerk, by ferstjerren sûnder berop; sn f. Douwe Jans van der Meer, greidboer te Gytsjerk, en Janke Willems de Vries;
Willem x 2 Tytsjerksteradiel 9-5-1901, 57 en 46 jier, Trijntje Eetses Oostenbrug * Aldtsjerk 23-9-1858 † Oentsjerk 16-4-1933 ; yn 1878 faam te Oentsjerk, yn 1901 winkelfrou te Aldtsjerk; dr f. Eetse Theunis Oostenbrug, boer te Aldtsjerk, en Fogeltje Pieters Hellinga;
Tryntsje x 1 Tytsjerksteradiel 18-5-1878, 35 en 23 jier, Berend Jans Vijverda * De Westereen 29-1-1843 † Gytsjerk 7-7-1885; arbeider te Oentsjerk en Gytsjerk; sn f. Jan Berends Vijverda, komelker, letter arbeider yn ’e Westereen, en Lysbeth Jelles de Jong (ek: Elisabeth)
Willem keapet ûnder oaren 2-10-1879 greide te Gytsjerk, keapsom: f 1701,00; op 8-11-1879 healân te Readtsjerk, keapsom: f 432,00; op 7-6-1890 lân te Readtsjerk, keapsom: f 5000,00; op 8-12-1890 greidelân te Gytsjerk, keapsom: f 2968,00; op 8-5-1894 lân te Oentsjerk, keapsom: f 500,00
Bern fan Sape Sybes Bloemhof en Houkje Rinses Bil IV.3
V.6 Gerkje Sapes Bloemhof * Snakkerbuorren ûnder Lekkum 7-5-1839 † Readtsjerk 26-6-1876; (yn ’e berte-akte is Gerkje by fersin ynskreaun as Gerrit); by trouwen boerefaam te Aldtsjerk, by ferstjerren sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 20-7-1872 Albert Pieters Pot; sjoch: Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof ûnder nr 9
V.7 Sybe Sapes Bloemhof * Burgum 1-7-1840 † 1925?; Kristlik Grifformeard; by trouwen arbeider ûnder Burgum, ek yn 1870, ’88 en 1911, û.o. bûten oan ’e Fjildmansreed nr 450, yn 1876 keapman te Burgum, dêr letter ek feedriuwer
x Tytsjerksteradiel 15-5-1869 Jeltje Jans van der Meer * Burgum 11-5-1846 † Ljouwert (Molestrjitte 9) 13-2-1931; by trouwen arbeidster te Burgum; dr f. Jan Pieters van der Meer, arbeider te Burgum, en Lipkje Johannes Boonstra
Bern sjoch: VI.1 o/m VI.3
Advertinsje Leeuwarder Courant:
V.8 Rinse Sapes Bloemhof * Burgum 27-12-1841 † Aldtsjerk 4-12-1919; syn hele leven arbeider te Aldtsjerk;
x Tytsjerksteradiel 20-5-1871 Antje Jelles Veenstra * Oentsjerk 7-8-1842 † Aldtsjerk 31-3-1917; by trouwen sûnder berop; dr f. Jelle Gerrits Veenstra, arbeider te Readtsjerk, Oentsjerk en Gytsjerk, en Folkje Jacobs Bloemhof (IV.13)
Bern sjoch: VI.4 o/m VI.8
V.9 Pietje Sapes Bloemhof * Westergeast 11-8-1844 † Gytsjerk 25-2-1931, 86 jier; by ferstjerren sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 11-5-1871 Gerben Gerks Dijkstra * Gytsjerk 27-11-1874 † dêr 22-4-1934, 89 jier; arbeider te Gytsjerk, by ferstjerren sûnder berop; sn f. Gerk Gerbens Dijkstra, arbeider te Gytsjerk, en Hinke Romkes Kingma
V.10 Folkje Sapes Bloemhof * Westergeast 26-11-1846 † Gytsjerk 8-5-1938, 91 jier; Kristlik Grifformeard; by trouwen boerefaam te Burgum;
x Tytsjerksteradiel 7-9-1872 Wieger Tjerks van der Ploeg * Droegeham 17-8-1843 † Burgum 6-2-1921; by trouwen en yn 1875 arbeider te Eastrum, yn 1878, ’83, ’88, 1907 en 1918 arbeider te Burgum (Bûten Tuskendiken nr 195, ; sn f. Tjerk Wygers van der Ploeg, arbeider te Droegeham en Koaten, en Lysbert Lykeles Westerhof, arbeidster te Koaten
V.11 Wymer Sapes Bloemhof * De Westereen 17-11-1849 † Noardburgum 23-9-1935, 85 jier; in greep út de wenplakken: yn 1889, ’95, 1920 feedriuwer en arbeider te Burgum (û.o. Bûten Simmerwei 223, 474, 484), yn 1907 dêr kowedriuwer, yn 1916 dêr keapman, Alde Maaie 1916 ferfart de húshâlding nei Noardburgum (nrs 535, 534, 182), yn 1920 hâlde se domisylje te Gytsjerk;
x Tytsjerksteradiel 14-5-1881, 31 en 24 jier, Antje Hendriks Randel * De Wylp (Gemeente Marum, Grinslân) 8-6-1856 † 8-10-1952, 96 jier; by trouwen tsjinstfaam te Burgum; dr f. Hendrik Roelofs Randel, arbeider te Marum (Grinslân) en De Wylp, en Grietje Teekes Oldenburger
Bern sjoch: VI.9 o/m VI.17
Advertinsje Leeuwarder Courant, 5-5-1931:
V.12 Gertje Sapes Bloemhof (ek: Geertje) *De Westereen 31-5-1853 † Burgum 20-7-1905 ; by trouwen arbeidster te Burgum, by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 27-7-1878 Sybren Symens Bijlsma * Burgum 20-7-1854 † dêr 16-6-1918; yn 1878, ’85, ’89, ’94, 1906 en ’13 arbeider te Burgum, yn 1912, ’13 en by ferstjerren dêr sûnder berop, wenjend ûnder oaren: nr 119, 228, 334 (bûten Koloaniën) en Noardburgum nr 375; sn f. Symen Sybrens Bijlsma, arbeider te Burgum, en Jeltje Koenraads de Moor
Bern fan Wybren Doeyes Bloemhof en Tjitske Sytses Stel IV.5
V.13 Doeye Wybrens Bloemhof * Lekkum 16-12-1831 † Gerkeskleaster 19–3-1916; by trouwen en yn 1855, ’62, ’65, ’70, ’73 keapman, tsiishanneler en taper te Bartlehiem ûnder Stiens; yn 1867 winkelman te Bartlehiem; yn 1874 dêr fisker, yn 1875 fisket er te Burdaard, yn 1900 en by ferstjerren fiskerman te Gerkeskleaster
x Ljouwerteradiel 23-5-1861 Trijntje Mients Faber * Ingwierrum 23-4-1835 † Bartlehiem 19-9-1874 (, hûsnr 285); dr f. Mient Jans Faber, grofsmit te Ingwierrum, en Itske Popkes de Bruin
Doeye hat 30-1-1857 in skuld fan f 600,00 by Ritske Tjeerds Velstra, boer te Jelsum
Bern sjoch: VI.18 o/m VI.24
Doeye en Tryn sitte ferlegen om in feint. Advertinsje Leeuwarder Courant, 22-2-1861:
Oan hûs by Doeye Wybrens Blomhof ha gauris ferkeapingen plak. Advertinsje Leeuwarder Courant 19, 29-10 en 2,9-11-1866:
Doeye en Tryn sette hurdsilen op. Advertinsje Leeuwarder Courant, 19-10-1866:
Doeye en Tryn ferkeapje har affearen. Advertinsje Leeuwarder Courant 1867:
V.14 Sytske Wybrens Bloemhof * Lekkum 1833 † Miedum 2-3-1844
V.15 Sytse Wybrens Bloemhof * Lekkum 17-1-1834; by trouwen keapman te Stiens, yn 1855 dêr arbeider; yn 1860 skipper te Ingwierrum; yn ’e snuorjen 1862, ’64 skipper en kastlein te Aldtsjerk;
x Tytsjerksteradiel 17-5-1859 Sytske Foekes Rinsma * Aldtsjerk 15-3-1834; by trouwen sûnder berop te Aldtsjerk; ferfart 30-11-1861 út Ingwierrum nei Aldtsjerkyn 1885 naaister te Ljouwert; dr f. Foeke Symens Rinsma, skipper te Aldtsjerk, en Tietje Jans Sikma; Sytske x 2 Tytsjerksteradiel 29-4-1869 Reint Hanses Meijer * Sâltkamp 25-10-1835; ferver-hússkilder te Aldtsjerk; sn f. Hans Meijer, doarwarder Direkte Belestingen te Drachten, en Aauke Alberts Wierenga
Sytske ferkeapet 13-7-1872 in hûs en herberch, lytshûs en tahearren, en de helte oer heech en leech fan boulân te Bartlehiem
Bern sjoch: VI.30 o/m VI.32
V.16 Maaike Wybrens Bloemhof * Lekkum 13-12-1835 † Aldtsjerk 27-7-1901; sit foar har trouwen yn ’t earmhûs te Stiens; yn 1855 naaister, by trouwen sûnder berop ûnder Stiens; ferfart 15-6-1861 nei Aldtsjerk, dêr is se skipperske;
x Tytsjerksteradiel 25-5-1861 Fokke Gæles Fokkema * Aldtsjerk 10-12-1835 † dêr 15-18-1885; skipper te Aldtsjerk; sn f. Gæle Hedzers Fokkema, yn 1827, 35, ’47, ’58, ’85 skipper te Aldtsjerk en Lieuwkje Tjibbes van der Veer, yn 1861 komelkers te Aldtsjerk, yn 1866 dêr boer
Fokke keapet 19-4-1866 in hûs te Aldtsjerk fan Klaas Douwes van der Meer te Aldtsjerk en Antje Douwes van der Meer frou fan Hartman Johannes van Aisma te St.-Anne, keapsom: f 1.200,00
V.17 Tjeerd Wybrens Bloemhof * Lekkum 28-7-1838 † dêr 9-9-1838, 6 wiken
Bern fan Sape Doeyes Bloemhof en Hiltje Symens Rinsma IV.9
V.18 Sytske Sapes Bloemhof * Aldtsjerk 10-12-1831 † Gytsjerk 3-3-1904; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Gytsjerk;
x Tytsjerksteradiel 4-5-1861, 38 en 29 jier, Doeke Gaatzes Tulp * Gytsjerk 13-3-1823 † dêr 2-6-1905; arbeider te Gytsjerk; sn f. Gaatse Rinses Tulp en Trijntje Sjoerds Prins, arbeidster te Ælsum;
Doeke x 1 Tytsjerksteradiel 14-5-1853, 30 en 41 jier, syn nicht, Doetje Gerbens de Vries * Aldtsjerk 1810 † Gytsjerk 12-12-1857, 46 jier; by trouwen keapfrou te Oentsjerk; dr f. Gerben Binnes de Vries en Jantje Sjoerds Prins, arbeiders te Aldtsjerk
Doeke keapet 7-5-1861 in hûs en hiem te Gytsjerk, keapsom: f 400,00; op 16-11-1864 idem in hûs en grûn te Gytsjerk, keapsom: f 265; op 14-11-1876 idem in hûs en hiem te Gytsjerk, keapsom: f 2110,00; hy ferkeapet grûn te Gytsjerk, keapsom: f 750,00; op 19-5-1877 hat er in skuld fan f 1500,00 by syn sweager (en neef) Gaatze Gerbens de Vries; Doeke wurdt 5-7-1847 feroardiele ta in jier gefangenisstraf fanwegen dieverij
V.19 Beitske Sapes Bloemhof * Aldtsjerk 7-7-1836 † dêr 25-11-1861, 25 jier; sûnder berop
V.20 Doeye Sapes Bloemhof * Aldtsjerk 1-9-1839 † Frjentsjer (wenplak Aldtsjerk) 28-3-1875 [] Aldtsjerk; fearskipper te Aldtsjerk, by ferstjerren sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 21-5-1864 Jeltje Jacobs Miedema * Oentsjerk 9-10-1839 † Ljouwert (wenjend te Aldtsjerk) 27-12-1919 [] Aldtsjerk; by trouwen boerefaam te Miedum, yn 1888 arbeidster te Aldtsjerk, yn 1891 dêr winkelfrou, om dy roai hinne dêr ek ynlâns kreamerske (nr 71);
Jeltsje x 2 Tytsjerksteradiel 11-12-1880 Albert Pieters Pot * Aldtsjerk 27-8-1846 † dêr 12-8-1886; yn 1872, ’80 arbeider te Aldtsjerk, yn 1886 dêr fearskipper, sn f. Pieter Alberts Pot, arbeider te Aldtsjerk, en Janke Sijes de Jong, faam en arbeidster te Aldtsjerk;
Albert x 1 Tytsjerksteradiel 20-7-1872 Gerkje Sapes Bloemhof (V.6) * Snakkerbuorren ûnder Lekkum 7-5-1839 † Readtsjerk 26-6-1876; yn 1872 boerefaam te Aldtsjerk, by ferstjerren sûnder berop, dr f. Sape Sybes Bloemhof en Houkje Rinses Bil (IV.3)
Albert hat 18-9-1873 in skuld fan f 300,00 by Wilhelm Bonno Adolf Thoden van Velzen te Ryptsjerk
Sjoch nrs 8 en 9 yn ’e Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof
Bern sjoch: VI.25 o/m 27
Bern fan Foeke Doeyes Bloemhof en Trijntje Jans van der Ark IV.10
V.21 Beitske Foekes Bloemhof * Oentsjerk 12-8-1830 † Wânswert 1-12-1886; komt -5-1851 út Aldtsjerk yn Oentsjerk; by trouwen faam te Hegebeintum; giet 22-8-1856 út Aldtsjerk nei Wânswert;
x Ferwerteradiel 20-5-1854 Wybren Klazes Pheiffer * Blije 30-11-1828; by trouwen arbeider te Hallum; yn 1841 arbeider te Easterbeintum, yn 1854, ’56, , ’60, ’76, ’83, ’90, 1911 te Wânswert; sn f. Klaas Daniëls Pheiffer, Mr timmerman te Blije, en Nieske Wybrens Bosma
V.22 Foekje Foekes Bloemhof * Aldtsjerk 12-1-1833 † Raard (Dongeradiel) 18-1-1883, 50 jier; komt op 13-9-1858 as faam út Jislum yn Oentsjerk, ferfart op 30-7-1860 dêrwei nei Wânswert, by ferstjerren tsjinstfaam te Raard
V.23 Akke Foekes Bloemhof * Oentsjerk 17-12-1835 † Oentsjerk 19-6-1913; Alde Maaie faam te Oentsjerk (û.0. by Jan Harings van der Kooi, boer dêr); ferfart 12-5-1860 nei Jislum; by trouwen boerefaam te Blije; komt 21-3-1884 út Blije by Doeye yn; yn 1884 boerinne te Gytsjerk;
x Tytsjerksteradiel 17-5-1884, 45 en 48 jier, Doeye Gerrits van der Meer * Ingwierrum 27-7-1838 † Oentsjerk 12-5-1911; by trouwen en yn 1961 koaiker te Gytsjerk, yn 1863, ’65, ’71, ’73 dêr koaiker en boer (hûsnr 47, yn jannewaris 1910 op nr 115); sn f. Gerrit Pieters van der Meer, koaiker en boer te Gytsjerk, en Akke Doeyes Bloemhof (IV.10), boerinne te Gytsjerk;
Doeye x 1 Tytsjerksteradiel 21-6-1873 Froukje Roelofs Oostwoud * Dolsterhuzen 21-5-1849 † Gytsjerk 21-7-1883; by trouwen sûnder berop te Gytsjerk; dr f. Roelof Jans Oostwoud, (eigenerfd)boet te St. Jansgea, en Rottu, boer te Dolsterhuzen; yn 1844 ek taper-kastlein te St. Jansgea, en Hiltje Frankes Koksma, û.o. (eigenerfd)boerinne te Rottum, wennet yn 1866 te Langsweagen
V.24 Doeye Foekes Bloemhof * Oentsjerk 7-3-1838 † dêr 19-6-1896, 58 jier; Kristlik Grifformeard; foar syn trouwen ynwenjend feint, ûnder oaren by syn muoike Akke Bloemhof en omke Gerrit van der Meer (IV.10); sûnt syn trouwen boer te Oentsjerk (nr 48 bûten), by ferstjerren sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 31-10-1866 Tyttje Jacobs Sikma * Gytsjerk 5-6-1822 † Aldegea (Tytsjerksteradiel, wenjend te Hurdegaryp) 20-10-1912, 90 jier; by twadde houlik yn 1846 sûnder berop; boerinne te Gytsjerk; dr f. Jacob Cornelis Sikma en Tætske Symens Algra, boeren te Gytsjerk;
Tytsje x 1 Tytsjerksteradiel 30-5-1846 Sybe Sjoerds Riedstra * Ryptsjerk 15-5-1822 † Gytsjerk 16-1-1864; arbeider, letter boer te Gytsjerk (hûsnr 49 K en nr 82); sn f. Sjoerd Riemers Riedstra, boer te Ryptsjerk, en Grietje Andries van der Meulen
Bern sjoch: VI.28 en VI.29
Doeye keapet 29-3-1878 boulân te Gytsjerk, keapsom: f 500,00; hy keapet 21-1-1885 fan syn mem in hûs mei grûn te Oentsjerk, keapsom f 200,00; hy hat 29-4-1887 in skuld fan f 5600,00 by de Rotterdamsche Hypotheekbank en 4-4-1893 stiet er foar f 4000,00 yn ’t kryt by de Nationale Hypotheekbank te Amsterdam; hy ferhiert 15-3-1892 it skip Hoop op Zegen oan Lieuwe Harkes Hellinga te Gytsjerk.
Tytsje ferkeapet 13-3-1909 by notaris Hendrikus Posthumus te Gytsjerk (aktenûmers: 01215)
-hûs en grûn te Gytsjerk, keapsom: f 2002,00; keapers Pieter Gosses van der Veen en Jacob Symens Sikma te Gytsjerk
-lân te Gytsjerk, f 1033,00; keaper Jacob Symens Sikma te Gytsjerk
-idem, f 477, keaper Anne Tjeerds Bruinsma te Oentsjerk
-idem, f 6475,00, keaper Haye Gerrits de Vries
-idem, f 2781,00, keaper Jitze Klazes de Jong te Miedum
-idem, f 5427,00, keaper Willem Gaatzes de Vries
-idem te Gytsjerk en Hurdegaryp, f 5064, keaper har soan Tæde Doeyes Bloemhof te Gytsjerk
-idem te Gytsjerk, f 2668,00, keaper Sybe Bonnes Veninga te Tytsjerk
-idem te Hurdegaryp, f 5594,00, keaper Sytske Martens van der Hem te Ljouwert, widdo Nanne Nannes de Boer.
Op 1-10-1896 is der boedelskieding fan it erfskip fan Tytsje Sikma by notaris Sybrandus Posthumus te Gytsjerk; oan ûnreplik guod is der in opbringst fan f 4837,00
Doeye priizget levertraan oan. Hoefolle provyzje krijt er dêrfoar? Advertinsje Leeuwarder Courant, 1872:
V.25 Lysbeth Foekes Bloemhof (ek: Lyske) * Oentsjerk 16-5-1841 † Marrum 28-4-1923, 81 jier; by trouwen sûnder berop te Marrum
x Ferwerteradiel 6-6-1868 Pieter Jans van der Veen * Marrum 5-5-1844 † dêr 15-2-1915; arbeider te Marrum; sn f. Jan Wiegers van der Veen, arbeider te Marrum, en Klaaske Jacobs Zoodsma, arbeidster te Marrum
V.26 Rinske Foekes Bloemhof * Oentsjerk 28-12-1843 † dêr 25-11-1926, 82 jier; by trouwen boerefaam te Aldtsjerk, by ferstjerren sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 8-2-1873 Jan Sytzes van der Veen * Gytsjerk 8-10-1837 † Oentsjerk 19-3-1924, 87 jier; Grifformeard; by trouwen arbeider te Gytsjerk, sûnt 1873 te Oentsjerk (hûsnrs 300 en 308); sn f. Sytze Jans van der Veen, arbeider te Gytsjerk, en Hiske Bruins Popma, arbeidster te Oentsjerk
V.27 Jantje Foekes Bloemhof (ek: Janke) * Oentsjerk 25-8-1849 † Wânswert 7-3-1922; by earste boask naaister; as widdo winkelfrou te Wânswert;
x 1 Ferwerteradiel 15-11-1879 Bauke Dirks Kalma * Wânswert 7-3-1833 † dêr 11-9-1885; Mr timmerman te Wânswert; sn f. Dirk Bouwes Kalma, boer ûnder Wânswert, en Dieuwke Dirks Tolsma (ek: Talsma);
Bauke x 1 Ferwerteradiel 1859 Tætske Romkes Akkermans * Marrum 17-6-1835 † Wânswert 20-7-1878; by trouwen tsjinstfaam te Hallum; dr f. Romke Klazes Akkermans, arbeider te Marrum, en Antje Sakes Timmermans;
Jantsje x 2 Dantumadiel 26-1-1889 Gerrit Oenzes Boersma * Hallum 29-9-1843 † Burdaard 17-7-1905; kreamer te Hallum en Burdaard; postrinder (‘brievengaarder’) te Burdaard; sn f. Oense Thyssens Boersma, gernier te Hallum, en Jantje Gerrits Hofman, faam, gernierske, letter winkelfrou te Hallum;
Gerrit x 1 Ferwerteradiel 27-5-1867 Sytske Sytses Kroodsma * Wânswert 28-4-1835 † Burdaard 4-7-1888; by trouwen naaister te Burdaard; dr f. Sytse Hanses Kroodsma, boer te Wânswert oan ’e Streek, en Akke Lykeles Hellema
Sjoch: Kalma – S. Kok-Draijer – Kalma, Diel I, s. 47 en Diel II, s. 1219, Drachten, 1993 ISBN 90-9006206-8
Jantsje Foekes Bloemhof
Bern fan Sybe Jacobs Bloemhof en Trijntje Alberts de Vries IV.18:
V.28 Klaaske Sybes Bloemhof * Gytsjerk 25-6-1852 † Oentsjerk 14-12-1922; by trouwen faam te Gytsjerk, by ferstjerren sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 13-5-1876 Wilt Kornelis van der Lei * Drachten 19-5-1849 † Gytsjerk 14-8-1922; ferfart op 9-12-1871 út Drachten nei Gytsjerk, 1876, ¾4 dêr arbeider, yn 1891, ’99, 1908 dêr komelker, yn 1909 dêr boer; yn 1921 en by ferstjerren dêr sûnder berop (hûsnrs û.o. 172, W 194 bûten, 118 bûten); sn f. Kornelis Wilts van der Lei, arbeider te Drachten, en Janke Linzes Bokkema
V.29 Baukje Sybes Bloemhof * Gytsjerk 23-10-1855 † Suwâld (wenjend te Gytsjerk) 27-7-1876, 20 jier; by trouwen boerefaam te Gytsjerk, yn Oentsjerk, m.y.f 30-11-1869 te Ljouwert en by ferstjerren te Suwâld
V.30 Jacob Sybes Bloemhof * Gytsjerk 18-3-1859 † dêr 2-9-1861, 2 jier
Generaasje VI
Bern fan Sybe Sapes Bloemhof en Jeltje Jans van der Meer V.7
VI.1 Lipkje Sybes Bloemhof (ek: Liepkje) * Burgum 18-2-1870 † dêr 25-4-1870, 9 wiken
VI.2 Sape Sybes Bloemhof * Burgum 29-3-1872 † Feanwâlden 25-8-1936; Kristlik Grifformeard, letter Grifformeard; 1908 arbeider te Burgumerheide, yn 1919 dêr keapman; de húshâlding ferfart Alde Maaie (12-5-1927) nei Feanwâlden, yn 1928 is Sape dêr feedriuwer, dêr letter ek greidboer; yn 1932 transportûndernimmer te Feanwâlden;
x Trijntje Geerts Procee (ek: Procée) * Burgum 29-1-1875 † Feanwâlden 15-1-1942; dr f. Geert Johannes Procee, arbeider te Burgum, en Wytske Gerrits Paulusma
Bern sjoch: VII.1 o/m VII.6
Advertinsje Leeuwarder Courant, 2 en 8-8-1919:
VI.2 Lipkje Sybes Bloemhof * Burgum 3-11-1876; by trouwen naaister te Burgum; ferfart 21-6-1896 út Burgum nei Kollum;
x Tytsjerksteradiel 20-6-1896 Jan Tækes de Jager * De Westereen 5-6-1875 † Ljouwert 12-3-1949; by trouwen ûnderwizer te Amsterdam, yn 1901 te Kollum, yn 1928, ’37 skoallehaad te Ljouwert, by ferstjerren sûnder berop; sn f. Tæke Jans de Jager, boer op Kúkherne ûnder De Westereen, en Saapke Wybes Klompstra
VI.3 Houkje Sybes Bloemhof * Burgum 3-4-1888; Grifformeard; ferfart 22-12-1989 út Burgum nei Kollum en op 12-4-1899 wer; ferhuzet 27-6-1913 mei de húshâlding út Burgum nei Hijum (hûsnr 130) en op 18-11-1913 dêrwei wer nei Burgum (hûsnrs 818, 878, 658), ferhuzet 16-1-1920 nei Nijverdal (Parallelweg 144)
x Tytsjerksteradiel 11-11-1911 Nanne Hobbe Streekstra * Grins 11-11-1887; Grifformeard, letter Leger des Heils; by trouwen timmerman te Burgum, yn 1913 op ’e Burgumerheide; ferfart 16-1-1920 en op 25-11-1920 út Burgum nei Hellendoorn (Wilhelminastraat); sn f. Hobbe Nannes Streekstra, winkelman en taper te Grins (Easterkade B 10 ûnder), en Gaatske Oebeles Popma
Nanne Hobbe keapet 22-2-1913 in hûs mei hiem op ’e Burgumerheide, keapsom: f 1000,00; op 3-12-1918 keapet er in leane te Burgum, keapsom: f 581,00; op 28-4-1913 hat er in skuld fan f 900,00 by Maria Jippes Haanstra, widdo Jaring Jochums Roosma te Burgum
Bern fan Rinse Sapes Bloemhof en Antje Jelles Veenstra V.8
VI.4 Sape Rinses Bloemhof * Aldtsjerk 22-4-1872 † Ljouwert 28-5-1937 (Elisabethstrjitte 29 boppe) [] Ljouwert, Noarder begraafplak; Kristlik Grifformeard; arbeider te Jislum; komt op 18-12-1896 út Readtsjerk yn Ljouwert, yn 1897 dêr túnmansfeint, yn 1899 dêr arbeider, yn 1901, ’05 dêr túnman; (de húshâlding wennet û.0. op ’e folgjende adressen: Poppebuurt T24, Kloasterburen P 25, Piterselywaltsje P 4-6, Súdfliet U 128 en U 186, Oeverdwarsstraat 47); it gesin ferhuzet op 2-7-1910 út Ljouwert wei nei Den Haach; Sapen Attsje ferhúzje op 10-6-1933 út Gytsjerk nei Ljouwert (Bothastraat 24);
x Ferwerteradiel 11-1-1896 Trijntje Tækes Dijkstra * Jislum 9-12-1873; Kristlik Grifformeard; boerefaam; komt op 12-8-1889 út Jislum te Oentsjerk (hûsnr 376), ferhuzet 25-10-1890 út Aldtsjerk (hûsnr 336) nei Tearns, yn 1890 faam te Oentsjerk, yn 1892 te Deinum, yn 1893 te Jelsum, yn 1893 ek te Ingelum, yn 1894 te Wânswert, yn 1896 te Readtsjerk, sûnt 18-12-1896 te Ljouwert; dr f. Tæke Atzes Dijkstra, arbeider û.o. te Jislum, en Jantje Jans Pijnacker;
Sape x 2 Attje de Vreeze * Bolswert 12-9-1889 † Ljouwert 12 of 18-1-1971; godtsjinst: gjin; ferhuzet op 8-12-1909 nei Amsterdam; se komt op 11-5-1931 út Den Haach te Gytsjerk; dr f. Siebren de Vreeze, timmerfeint en mitselder te Bolswert, en Baukje Bartsma
Bern sjoch: VII.7 o/m VII.11
VI.5 Houkje Rinses Bloemhof * Aldtsjerk 3-5-1873 † dêr 22-6-1874, 13 moanne
VI.6 Houkje Rinses Bloemhof * Aldtsjerk 6-4-1876 † Gytsjerk 3-2-1946 [] Aldtsjerk;
x Ferwerteradiel 19-5-1900 Gerben Martens Poortinga * Burdaard 21-4-1871 † Jirnsum 2-3-1956, 84 jier [] Aldtsjerk; Houkje en Gerben komme 17-5-1900 yn Aldtsjerk, sy út Burdaard, hy út Wânswert; Gerben is fjildarbeider en molkrider te Aldtsjerk; sn f. Marten Jans Poortinga, keapman te Burdaard, en Trijntje Gerbens Poortinga
Gerben keapet op 17-12-1912 lân te Aldtsjerk, keapsom: f 567; op 10-3-1916 keapet er dêr in hûs mei hiem, keapsom: f 2350,00
VI.7 Folkje Rinses Bloemhof * Aldtsjerk 20-1-1878 † Ljouwert 13-4-1964; Folkje komt 9-6-1899 út Aldtsjerk yn Ljouwert, dêr tsjinstfaam by M.J. Gijswijt, Súdfliet EL2 Boppe; se komt út Ljouwert yn Aldtsjerk 12-6-1900 en ferfart 4-6-1901 wer nei Ljouwert;
x Ljouwert 18-5-1901 Johannes Muller * Poppenwier 13-5-1877; komt 4-7-1892 út Grins yn Ljouwert, en op 28-8-1899 út Poppenwier yn Ljouwert; Folkje en Jehannes ferhúzje út Ljouwert nei Ferwert; Jehannes is agint fan plysje te Ljouwert; gemeente fjildwachter te Ferwert; sn f. Jacob Johannes Muller, arbeider te Poppenwier, en Janneke Johannes Rauwerda
VI.8 Jeltje Rinses Bloemhof * Aldtsjerk 30-8-1879 † Gytsjerk 9-4-1967, 87 jier [] Oentsjerk;
x Tytsjerksteradiel 16-5-1907 Hinkes Folkerts Visser * Oentsjerk 24-8-1878 † dêr 8-2-1950 [] Oentsjerk; godtsjinst: gjin; yn 1908 arbeider te Oentsjerk, yn 1923 dêr fabryksarbeider, yn 1932 dêr suvelbewurker, by fersterren sûnder berop; sn f. Folkert Hylkes Visser, arbeider en skipper te Oentsjerk en Readtsjerk, en Aaltje Hinnes de Vries;
Hinkes x 1 Tytsjerksteradiel 18-5-1901 Janke Minnes Faber * Oentsjerk 20-12-1878 † dêr 20-4-1905, 26 jier; komt op 1-2-1896 út Bûtenpost yn Oentsjerk, ferfart nei Ryptsjerk; by trouwen tsjinstfaam te Oentsjerk; dr f. Minne Doekes Faber, fjildarbeider en winkelman te Oentsjerk, en Froukje Meinderts Visser
Advertinsje Leeuwarder Courant:
Bern fan Wymer Sapes Bloemhof en Antje Hendriks Randel V.11
VI.9 Grietje Wymers Bloemhof * Burgum 18-5-1882 † Jelsum 8-12-1972 [] Jelsum; by trouwen sûnder berop te Burgum
x Tytsjerksteradiel 9-8-1902 Anne Alberts Toonstra * Burgum 2-10-1881 † Ljouwert 13-10-1948; Kristlik Grifformeard; arbeider, in greep út de wenplakken fan dizze arbeidzjende húshâlding, se húsmanje yn 1902, ’11 te Aldeboarn, yn 1902, ’03, te Burgum, yn 1905, ’07 te Ychten (Lemsterlân), omstrings 1907 en 1908 te Himpens (nr 48C) en Goutum (nrs 79a en 96), yn 1908 te Huzum, yn 1911 te Hurdegaryp, yn 1913 te Grein by Rees (Dútslân), yn 1916 te Bislich (Dtsl.), yn 1926 te Marsum, yn 1938 te Jelsum, yn 1940 wer te Burgum, yn 1941 wer te Huzum, by fertsjerren sûnder berop te Ljouwert; sn f. Albert Annes Toonstra, arbeider te Burgum, en Sjoerdtje Martens Keizer;
Anne x 2 Ljouwerteradiel 21-2-1940 Jitske Louws Laurman * Gytsjerk 28-5-1883 † Ljouwert 30-10-1947; Kristlik Grifformeard; by trouwen faam te Lekkum; dr f. Louw Sapes Laurman, timmerman te Gytsjerk, en Dieuwke Johannes Boomsma, winkelfrou te Gytsjerk (nrs 15 en 16)
Jitske x 1 Tytsjerksteradiel 15-5-1909 Arend Dantuma * Oentsjerk 25-1-1885; Grifformeard; by trouwen arbeider te Oentsjerk; los arbeider, keapman yn manifaktueren en molktaper; ferfart op 11-12-1912 út Oentsjerk nei Ljouwert en dêrwei op 28-12-1917 nei Oentsjerk ; (wenadressen te Ljouwert: Koevoetstraat 284, 78; 2e Korte Houtstraat Z 16; yn 1927: Oeverdwarsstraat K 1; yn 1928: Nijebuurt 128; yn 1930: Túnbouwstraat 5); sn f. Klaas Johannes Dantuma, arbeider te Oentsjerk, en Grietje Symens van Huizen
VI.10 Sape Wymers Bloemhof * Burgum 24-7-1883 † Ljouwert 8-12-1972 [] Jelsum; arbeider te Burgum (hûsnrs W 485, 452, 471), ferfart dêrwei op 10-5-1911 nei Huzum, (nr A 35), ferfart dêrwei op 20-5-1914 nei Tytsjerk (nrs 42, 110), ferfart dêrwei op 12-5-1915 nei Hurdegaryp (nrs 297, 299, 259), wennet yn 1918 wer te Huzum, ferfart op 2-6-1931 fan Stiens nei Blessum (nr 34), op 19-5-1932 fan Blessum nei Jelsum;
x Tytsjerksteradiel 28-5-1910 Maaike Pompstra * Burgum 14-4-1888 † Jelsum 31-10-1948 [] Jelsum; Maaike groeit fierhinne op sûnder heit, yn ’e Befolkingsregisters stiet by him: ‘die is in ’t armhuis’, en by har mem: ‘verlaten vrouw van Bernardus Pompstra’; Maaike is faam yn 1904 te Súdhorn, yn 1914 te Huzum, yn 1914 te Burgum, yn 1926 te Lekkum; dr f. Bernardus Jans Pompstra, arbeider te Burgum (nr 527 bûten), en Martje Fokkes Boomsma, arbeidster te Burgum (hûsnrs 774, 597a bûten), yn 1902 idem te Noardburgum
Bern sjoch: VII.12 o/m VII.14
VI.11 Houkje Wymers Bloemhof * Burgum 31-10-1884 † Snakkerbuorren (nr 6) ûnder Lekkum 21-9-1974, 89 jier [] Lekkum; by trouwen faam te Huzum;
x Ljouwerteradiel 20-5-1916 Jelte van der Meer * Ljouwert 24-9-1884 † Ljouwert 6-3-1966, 81 jier [] Lekkum; de arbeidershúshâlding fan Jelte syn heit en mem is net sa honkfêst, in greep út de ûnderskate plakken: Jelte ferfart op 19-5-1885 út Wyns nei Ljouwert; -6-1901 út Miedum nei Lekkum (hûsnr 159); -5-1902 nei Miedum?; 11-5-1907 út Miedum nei Ljouwert; 9-6-1911 út Ljouwert nei Lekkum; Jelte is dêr mei syn trouwen arbeider; Jelte en Houkje ferarre op 11-5-1918 út Lekkum nei Bartlehiem-Aldtsjerk (hûsnr 172); op 26-5-1919 giet it fan Aldtsjerk nei Lekkum, yn 1821 en ’27 arbeidzje se dêr ek; sn f. Jacob Jeltes van der Meer, arbeider te Wyns, Miedum, Lekkum en Ljouwert, en Mintje Wytses Fennema
VI.12 Trijntje Wymers Bloemhof * Burgum 24-10-1886 † Drachten 4-1-1949 [] Drachten; omstrings 1901 faam te Aldtsjerk; by trouwen sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 9-3-1907 Anne Vos * Sumar 18-9-1887 † 18-11-1966 [] Drachten; godtsjinst: gjin; by trouwen arbeider te Garyp; yn 1907, ’13 te Sumar (hûsnr 69), yn 1906 te Wurdum, yn 1907 en ’15 te Burgum (Simmerdyk 223 bûten); ferfart 12-5-1915 nei Drachten, Anne is dêr kondukteur by de Nederlandsche Tramweg Maatschappij; sn f. Johannes Dirks Vos, fan Wanneperfean, arbeider te Sumar en Garyp, ek matroas, en Bintje Jans Riedstra
VI.13 Hendrik Wymers Bloemhof * Burgum 26-3-1889 † Oentsjerk 8-11-1986 [] Ryptsjerk; fjildarbeider, komt 11-1-1909 út Rinsumageast te Burgum, komt 6-9-1919 út Twizel te Burgum ; by trouwen dêr arbeider (hûsnrs dêre: 474, 433, 93, 768, 767); ferfart 6-9-1919 dêrwei nei Ljouwert (û.o. Breedstraat 63); arbeider te Ryptsjerk 1925, ’26, ’28, ’31 (nrs 70, 128a, 195, 213)
x Tytsjerksteradiel 28-5-1925, 36 en 23 jier Gaitske Inia * Ljouwert 18-1-1901 † Ryptsjer 23-4-1979 [] Ryptsjerk; ferfart 19-5-1911 mei heites en memmes húshâlding fan Ljouwert nei Ryptsjerk (hûsnrs W 108, 109), dêr by trouwen sûnder berop; dr f. Anne Hermanus Inia, arbeider te Tytsjerk, Ljouwert (Fjouwerhústerdyk AA 54 foar, Stienzerdyk BB 47) en Ryptsjerk, en Jeltje Hendriks Hoekstra
Bern sjoch: VII.15 o/m VII.18
Advertinsje Leeuwarder Courant, 25-5-1950:
Advertinsje Leeuwarder Courant, 27-5-1975:
Advertinsje Leeuwarder Courant, 24-4-1979:
VI.14 Rinze Wymers Bloemhof * Burgum 28-9-1890 † dêr 8-4-1891
VI.15 Rinze Wymers Bloemhof * Burgum 6-10-1892 † Jelsum ; komt 12-5-1915 te Burgum (hûsnr 186), by trouwen en yn 1921 dêr boere-arbeider; ferfart 12-5-1916 út Burgum nei Ryptsjerk, -4-1927 wer nei Burgum (nrs 535, 392, 391), 10-5-1928 nei Nijegea (Smellingerlân, nr A45); yn 1940, ’42 arbeider te Koarnjum;
x Tytsjerksteradiel 22-5-1915 IJbeltje Popma * Warten 2-4-1896 † Jelsum 1-12-1968; tsjinstfaam; komt 15-5-1911 út Haskerdiken te Warten, ferhuzet 15-5-1913 dêrwei nei Burgum (nr 143); by trouwen faam te Grou; dr f. Aldert Eesges Popma, timmerfeint te Warten, timmerman te Earnewâld en Grou, en Lamkje Jans de Boer
Bern sjoch: VII.19 o/m VII.24
Advertinsje Leeuwarder Courant, 21-5-1940:
Advertinsje Leeuwarder Courant: nov. 1979:
Advertinsje Leeuwarder Courant:
VI.16 Sybe Wymers Bloemhof * Burgum 2-6-1895 † Burgum, ’t Hoge Huys, 23-8-9-1984 [] Sumar; Sybe arbeidet op mannich ûnderskate plakken, in greep: hy is arbeider op Wylaarder Buorren (nr S 8), hy komt 8-1-1916 út Ljouwert yn Bears, hy giet 19-5-1916 út Ljouwert nei Goutum (nr 20), giet op 2-11-1916 dêrwei nei de Burgumerheide, komt op 8-11-1916 dêrwei op ’t Alddiel ûnder Ljouwert, hy sit yn 1918 te Twizel en ferhuzet dêrwei 20-9-1918 sa ’t liket nei Sumar (nr 126b), op Alde Maaie 1925 komt de húshâlding yn Hurdegaryp (nrs 169, 142, 219), Alde Maaie 1927 yn Ryptsjerk (nr 151), Alde Maaie 1932 Sumar (nr 87a), Alde Maaie 1933 Sumar (nr 145) en Alde Maaie 1938 Sumar (nr 155d III);
x Tytsjerksteradiel 9-8-1919 Antje de Jong * Sumar 26-2-1899 † Burgum, ’t Hoge Huys, 28-7-1988; dr f. Johannes de Jong, arbeider te Sumar, en Joukje Waatses Nicolai
Bern sjoch: VII.25 en VII.26
Advertinsje Leeuwarder Courant, 5-2-1927:
Advertinsje Leeuwarder Courant, 13-8-1930:
Advertinsje Leeuwarder Courant, 24-8-1984:
VI.17 Brechtje Wymers Bloemhof (ek: Bregtje) * Hústerheide ûnder Burgum 20-5-1897 † Aldtserk 21-5-2005, 108 jier; by trouwen sûnder berop te Burgum, de lêste seis moanne dêrfoar te Ljouwert;
x Tytsjerksteradiel 14-10-1920 Meint Velstra * Altsjerk 14-1-1894 † dêr 27-7-1977; by trouwen en dêrnei arbeider te Aldtsjerk, letter boskwachter by It Fryske Gea; sn f. Feitze Andries Velstra, arbeider te Aldtsjerk, en Antje Tækes Vellinga
Leeuwarder Courant 23 en 24-5-2005:
Bern fan Doeye Wybrens Bloemhof en Trijntje Mients Faber V.13
VI.18 Idske Doeyes Bloemhof * Stiens 11-3-1862 † dêr 10-4-1862
VI.19 Idske Doeyes Bloemhof* Stiens 11-5-1863 † Ljouwert 25-11-1949, 86 jier; Grifformeard; tsjinstfaam, ferhuzet 5-8-1884 nei Wânswert; komt 21-7-1885 út Jelsum yn Ljouwert; ferfart op 3-6-1911 nei Den Haach; komt op 18-2-1914 út Den Haach yn Ljouwert; komt 12-5-1914 út Kollum yn Ljouwert; by ferstjerren sûnder berop te Ljouwert; (adressen fan Idskse yn Ljouwert ûnder oaren: Emmaplein 10, by widdo J. Bakker; Bisschopsstraat 7, by H. de Jong; Willemskade W 59 onder, by widdo W.S. Vis-Feddema; Drúfstreek B 57 boven; Breedstraat U 50; Oosterbuurt 7)
VI.20 Tjitske Doeyes Bloemhof * Bartlehiem 16-3-1865 † Kollum 2-8-1923; Grifformeard; ferfart 19-7-1888 út Ljouwert nei Lekkum;
x Ljouwert 25-5-1898, 33 en 28 jier, Oebele Agter * De Gordyk 1-4-1870 † Kollum 24-12-1925; bakkersfeint oant 1903, dêrnei bakker, komt 1-6-1894 út De Gordyk te Ljouwert; komt 26-6-1894 út Jirnsum yn Ljouwert; de húshâlding ferfart 24-10-1900 nei Harns en strykt 7-8-1901 wer yn Ljouwert del (adressen yn Ljouwert û.o.: Achter Landbuurt BB 81; Bleekerstraat Z 5 onder; op 7-5-1903 arriveart it gesin te Kollum (B 68, 43, 4), Tsjitske en Oebele hawwe dêr in bakkerij; sn f. Uilke Jans Agter, arbeider De Gordyk, en Antje Lammerts Numan;
Oebele x 2 Ljouwert 6-5-1924, 54 en 46 jier, Pietje Postma * St.-Anne 31-10-1877; by trouwen sûnder berop te Ljouwert; dr f. Lourens Keimpes Postma, arbeider te St.-Anne, en Jantje Annes Kuiken
Oebele keapet op 9-3-1904 in hûs, bakkerij en hiem te Kollum fan Thijs Slagter te Kollum, keapsom: f 2.500,00
VI.21 Aaltje Doeyes Bloemhof(yn Amearika: Alice) * Stiens 9-5-1867 † Ada, Michigan, USA 27-11-1928; Kristlik Grifformeard; tsjinstfaam; ferfart 14-5-1875 út Stiens nei Aldtsjerk en 28-11-1876 wer (se is dan sa’t skynt werkommen yn Stiens); giet 22-9-1883 út Stiens nei Froubuorren, 1-7-1884 út Froubuorren nei Kleaster Lidlum; de húshâlding ferfart 2-5-1892 út Harns wei nei Grand Rapids, Michigan, Noard Amearika;
x Barradiel 13-7-1889 Schelte Arjens Scheltema * Seisbierrum 12-7-1863 † Grand Rapids, Michigan, USA 29-10-1940; Grifformeard; yn 1889 arbeider te Seisbierrum, wennet yn 1891 te Rotterdam, yn 1892 te Amsterdam; sn f. Arjen Johannes Scheltema, koaltsjer te Seisbierrum, en Geertje Scheltes Kuiken
Tekst rou-advertinsje fan Aaltsje:
Heden overleed na een
smartelijk lijden van zes
weken ten gevolge van
maagkanker mijn geliefde
vrouw en der kinderen
liefhebbende Aaltje Scheltema
(geboren Bloemhof), na een
gelukkige echtvereniging van
39½ jaar in den ouderdom
van 61½ jaar. Zwaar valt ons
dit verlies, doch wij
vertrouwen dat zij nu is waar
geen pijn of smart meer zijn
zal.S. Scheltema. Twaalf
kinderen, 11 behuwdkinderen
en 19 kleinkinderen.
VI.22 Maaike Doeyes Bloemhof* Stiens 11-1-1870 † Harns 25-12-1949;
x Frjentsjer 4-9-1900, 38 en 30 jier, Jacob Johannes Kieffer * Frjentsjer 13-2-1862 † dêr 8-2-1937; barbier te Frjentsjer; sn f. Johannes Jacobs Kieffer, barbier te Frjentsjer, en Johanna Johanns Kramer;
Jacob x 1 Frjentsjer 6-6-1886 Baukje Andries Wiersma * Frjentsjer 2-4-1857 † dêr 14-2-1900; by trouwen tsjinstfaam te Frjentsjer; dr f. Andries Nannes Wiersma, arbeider te Frjentsjer en Mullum, en Wypkje Wybes Kloosterman, arbeidster te Frjentsjer
VI.23 Wybren Doeyes Bloemhof * Stiens 15-3-1873; sit as jonge yn ’t Earmhûs te Stiens; smitsfeint; ferfart 12-5-1883 út Stiens nei Huzum (nr 544) en op 16-4-1890 dêrwei nei St.-Jabik, ferhuzet 12-5-1891 nei Damwâld
VI.24 Trijntje Doeyes Bloemhof * Stiens 19-9-1874 † Burdaard 14-5-1875, 8 moanne
Bern fan Doeye Sapes Bloemhof en Jeltje Jacobs Miedema V.20
VI.25 Hiltje Doeyes Bloemhof * Aldtsjerk 31-4-1865 † Doetinchem 7-8-1945, Bollestraat 42, [] Doetinchem ; by trouwen faam te Aldtsjerk; slachterske te Doetinchem;
x 1 Tytsjerksteradiel 19-8-1893 Adriaan Vinkenborg * Doetinchem; slachter te Doetinchem; sn f. Albertus Vinkenborg, slachter te Doetinchem, en Grada Hendrika Jansen;
x 2 Herman Roelof Soer * 1882 † Doetinchem 22-4-1946; slachtersfeint by Hiltsje en Adriaan; nei’t er mei Hiltsje troud is, sels slachter
Hiltsje giet as widdo yn ’e lange hier mei har slachtersfeint Herman, se skele tweintich jier. Se geane tegearre wol fuort, ûnder oaren nei de Doetinchemse bioskoop, dêr’t Herman bestjoerslid is. Mar geandewei wol Hiltsje net folle mear mei har jonge man. Herman leit it oan mei de ynwenjende winkelfaam Mies. Dat is Hiltsje wol goed. Mar op ’t lêst hat se der seker net oer kinnen. Se snijt de polsen troch. Herman trout mei Mies.
VI.26 Hinke Doeyes Bloemhof * Aldtsjerk 10-12-1866 † Surhústerfean 10-5-1950;
x Ljouwerteradiel 10-5-1890 Dirk Kooistra * Stiens 18-6-1868; gernier te Stiens; sn f. Nanne Meinderts Kooistra, gernier te Stiens, en Jetske Dirks Extra
VI.27 Sape Doeyes Bloemhof * Aldtsjerk 27-9-1869 † dêr 10-9-1954 [] Aldtsjerk; skipper te Aldtsjerk (nr 71), de húshâlding wennet dan yn by Sape syn mem; yn 1891, ’97, 1916 skipper te Aldtsjerk (dy skûte giet oer op syn soan Doeije); yn 1918 dêr winkelman (hûsnr 70); Sape en Tryntsje moatte yn ’e oarloch aloan bonnen út Burgum helje, dat begjint har tsjin te stean, sadwaande dogge se de winkel op 1 april 1943 oer oan pake- en beppesizzer Sape (VIII.) en syn frou Siene;
x Tytsjerksteradiel 16-5-1891 Trijntje Pieters van der Meer * Readtsjerk 16-4-1870 † Aldtsjerk 22-1-1966 [] Aldtsjerk; komt 3-9-1891 út Readtsjerk yn Oentsjerk; winkelfrou te Aldtsjerk; dr f. Pieter Gosses van der Meer, arbeider, komelker en greidboer te Gytsjerk, en Tietje Sjoerds van den Berg
Bern sjoch: VII
Sjoch:
–Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof nrs. 4 en 5
–Bylage Antsje en Tryntsje van der Meer
Fjouwer brulloften op ’e selde dei, 16-5-1942: twa de earste, ien sulver en ien fan goud.
Fan links nei rjochts, steand: Sape Doeijes Bloemhof (VIII) en Siene Kolk, Nico Swart en Pytsje Bloemhof; sittend: Doeye Sapes Bloemhof (VII.7) en Ikje Visser, Sape Doeyes Bleoenhof en Tryntsje van der Meer, Foto: Franke, Burgum. Kolleksje P, Swart-Bloemhof
Op dy maaiedei is ’t roetkâld en it snijt de middeis. De breidspearen tsjoggge yn koets en automobyl nei ’t gemeentehûs fan Tytsjerksteradiel te Burgum. Pytsje moat op dy oarlochsdei apart in fergunning helje om dêr te trouwen, want se wennet oan ’e Púndyk te Readtsjerk, en dat is Dantumadiel. Dizze fjouwerkaart hellet de krante; neffens de ferslachjouwer trouwe Sape en Siene en Pytsje en Nico ’en passant’. It is in kostlik feest. En desennia letter yn ’t ûnthâld noch.
Advertinsje Leeuwarder Courant, 3 en 10-5-1945
Leeuwarder Courant, 17-5-1941:
Bern fan Doeye Foekes Bloemhof en Tyttje Jacobs Sikma V.24
VI.28 Trijntje Doeyes Bloemhof * Gytsjerk 14-6-1867 † Burgum 28-5-1944 [] Burgum; by trouwen en ferstjerren sûnder berop; ferhuzet op har troudei nei Hallum;
x (op ’e selde dei as har broer Tæde) Tytsjerksteradiel 6-5-1893 Jan Oeges Hoekstra * Garyp 18-11-1867 † Burgum 31-5-1945 [] Burgum; by syn trouwen by syn heit op ’e pleats tink; sn f. Oege Symens Hoekstra, boer te Garyp, en Ynske Jans Riedstra
Jan Oeges keapet ûnder oaren:
20-12-1904 greide te Readtsjerk, keapsom: f 3272,00
16-11-1907 lân te Feanwâlden, keapsom: f 800,00;
7-12-1912 in hûs te Hurdegaryp fan Eelke Jelles Boonstra te Hurdegaryp, keapsom: f 700,00;
20-3-1914 grûn te Huzum fan ’e erven Jitse Sijes van Wijngaarden te Goutum, keapsom: f 3250,00;
14-12-1914 lân te Gytsjerk fan Doeye Gerrits van der Meer (V.20), keapsom: f 525,00;
30-4-1915 lân te Marum, keapsom: f 8000,00;
hy ferkeapet 2-10-1906 lân te Burdaard, keapsom: f 4320,00.
VI.29 Tæde Doeyes Bloemhof * Gytsjerk 6-5-1869 † Hichtum 28-7-1931 [] Hichtum; Kristlik Grifformeard, letter Grifformeard; 1926, greidboer te Gytsjerk; sûnt 12-5-1924 te Hichtum (de húshâlding ferfart dêrhinne mei útsûndering fan dochter Tytsje); mei-oprjochter Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Gytsjerk e.o.;
x 1 Tytsjerksteradiel 6-5-1893 (op ’e selde dei as syn suster Tryntsje) Attje Teunis Sikma * Oentsjerk 30-10-1867 † Gytsjerk 6-1-1901 [] Gytsjerk; by trouwen sûnder berop te Oentsjerk; boerinne te Gytsjerk; dr f. Teunis Ales Sikma, boer te Oentsjerk, en Rinke Pieters de Boer;
x 2 Tytsjerksteradiel 19-10-1901 Antje Feenstra * Eksmoarre omstrings 1872 † Hichtum 7-12-1931 [] Hichtum; by trouwen húshâldster te Gytsjerk, koart dêrfoar te Ie; ferhuzet 12-5-1901 út Ie nei Gytsjerk en 12-5-1924 út Gytsjerk nei Hichtum, dêr greidboerinne, ek as widdo; dr f. Jan Eerdes Feenstra, greidboer te Eksmoarre, en Uilkjen Douwes Kooistra
Bern sjoch: VII.30 o/m VII.35
Advertinsje Leeuwarder Courant, 8 en 11-1-1901:
Advertinsje Leeuwarder Courant, 29 en 30-7-1931:
Bern fan Sytse Wybrens Bloemhof en Sytske Foekes Rinsma V.15
VI.30 Wybren Sytses Bloemhof * Ingwierrum 14-2-1860; Roomsk Katolyk; komt op 8-6-1878 út Ingwierrum yn Ljouwert; foar syn trouwen ferversfeint te Ljouwert (hûsnrs û.o: F88 Achter-boppe, Dwarsstraat Z 145, Westerstraat Z 65f), by syn trouwen dêr ferver; de húshâlding ferfart 17-5-1886 út Ljouwert nei Amsterdam; by de berte fan soan Gerrit yn 1890 is Wybren hússkilder te Grins, Catharina wennet dan te Ljouwert; Wybren fertrekt op 28-10-1895 út Ljouwert wei ‘naar elders’; yn 1907 is er wer festige as ferver te Grins en tsjûge by it houlik fan syn soan Sytze; by it ferstjerren fan Gerrit yn 1914 wurdt by Wybren meldt: ‘wiens bestaan of verblijf onbekend is’;
x Ljouwert 10-1-1885, 24 en 17 jier, Catharina Tichelaar * Ljouwert 27-3-1867 † foar de brulloft op 17-8-1907 fan har soan Sytze; by trouwen sûnder berop te Ljouwert; wennet dêr 1892 en ’96, û.o. oan it Súdfliet en yn ’e Sûkereibuert (U358); yn 1888, ’92 en ’96 ek te Grins; dr f. Gerrit Tjeerds Tichelaar, arbeider te Ljouwert, en Cornelia Jacobs Deinema
Bern sjoch: VII
VI.31 Tietje Sytses Bloemhof * Ingwierrum 14-2-1861 † Aldtsjerk 19-8-1862, 1 jier
VI.32 Tietje Sytses Bloemhof * Aldtsjerk 9-7-1863 † dêr 7-1-1864, 6 moanne
Generaasje VII
Bern fan Sape Sybes Bloemhof en Trijntje Geerts Procee VI.1
VII.1 Wietske Sapes Bloemhof * Burgum 20-12-1894 † dêr -11-1919, 24 jier
VII.2 Siebe Sapes Bloemhof * Burgum 4-8-1897; arbeider en mûndersfeint te Burgum; ferfart 5-9-1923 nei Twizel, ferhuzet 11-9-1928 nei Harns (yn in wenskip oan ’e Westerdyk);
x Achtkarspelen 19-7-1923 Aukje Detmar * Twizel 29-11-1904; dr f. Louw Johans Detmar, yn 1903 grofsmid te Kollum, sûnt 1904 te Twizel, en Trijntje Sjoerds Hoekstra
Bern sjoch: VIII.1 o/m VIII.4
VII.3 Geert Sapes Bloemhof * Burgum 8-7-1899 † 3-3-1972 [] Feanwâlden; ferfart 14-6-1922 nei Feanwâlden; feedriuwer en winkelman te Burgum en Feanwâlden;
x Dantumadiel 18-5-1922 Jitske Tjipkes Viersen * Feanwâlden 18-11-1897 † 28-11-1973 [] Feanwâlden; dr f. Tjipke Tjerks Viersen, timmerman te Feanwâlden, en Maria Frederiks Dekker
VII.4 Jeltje Sapes Bloemhof * Burgum 4-5-1901; by trouwen sûnder berop te Burgum; ferfart 24-6-1921 nei Twizel;
x Tytsjerksterdiel 12-5-1921 Dirk Harmens Brouwer * De Westereen 31-1-1897; by trouwen arbeider yn ’e Westereen, yn 1945 dêr molkesutelder; sn f. Harmen Dirks Brouwer, arbeider yn ’e Westereen, en Catharina Fokkes de Bruin
VII.5 Gerrit Sapes Bloemhof * Burgum 12-12-1903 † Feanwâlden 18-1-1975; Grifformeard; ferfart 12-5-1927 nei Feanwâlden; by trouwen feedriuwer te Feanwâlden, ferfart 5-6-1928 út Feanwâlden nei Burgum (Burgumerheide), dêr feedriuwer; yn 1932 sjauffeur te Noardburgum; ferfart 1-2-1937 út Noardburgum nei Feanwâlden, dêr ekspediteur;
x Tytsjerksteradiel 2-6-1928 Wipkje Jans Hooghiemstra * Burgum 17-4-1906 † Noardburgum, Nieuw Toutenburg, 20-4-1995, 89 jier; by trouwen boerefaam te Burgum; dr f. Jan Gjalts Hooghiemstra, arbeider te Burgum, en Antje Jacobs Kempenaar
Bern sjoch: VIII.5 o/m VIII.10
Advertinsje Leeuwarder Courant, 2-6-1953:
Advertinsjes Leeuwarder Courant, 22-4-1994:
VII.6 Lipkje Sapes Bloemhof * Burgum 11-4-1908; ferfart 12-5-1927 nei Feanwâlden, by trouwen dêr sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 30-4-1932, 24 en 19 jier, Gerrit Zijlstra * Eastermar 9-8-1912; by trouwen bakkersfeint te Eastermar; sn.f. Wierd Johannes Zijlstra, fearskipper, letter keapman te Eastermar, en Sytske Douwes Procee
Bern fan Sape Rinses Bloemhof en Trijntje Tækes Dijkstra VI.4
VII.7 Rinse Sapes Bloemhof * Jislum 12-2-1896
VII.8 Antje Sapes Bloemhof * Ljouwert 6-6-1897 † dêr 26-5-1898
VII.9 Tæke Sapes Bloemhof * Ljouwert 28-8-1899 † dêr 2-5-1900
VII.10 Antje Sapes Bloemhof * Ljouwert 26-2-1901
VII.11 Jantje Sapes Bloemhof * Ljouwert 31-5-1903
Bern fan Sape Wymers Bloemhof en Maaike Pompstra V.10
VII.12 Martje Sapes Bloemhof * Huzum 15-8-1913; by trouwen faam te Stiens;
x Ljouwerteradiel 17-1-1931, 17 en 22 jier, Jelmer Miedema * Stiens 1-8-1908; by trouwen gernier te Stiens; sn f. Jouke Jelmers Miedema, arbeider, letter gernier te Stiens, en Tjitske Krijns bij de Lei
VII.13 Wymer Sapes Bloemhof * Burgum 17-3-1911; by trouwen arbeider te Jelsum;
x Ljouwerteradiel 26-5-1937 Joukje van der Wei * Wurdum 25-7-1904; by trouwen sûnder berop te Wurdum; dr f. Daam Tiedes van der Wei, arbeider te Wurdum, en Iepkjen Jans Kampen
VII.14 Fokke Sapes Bloemhof * Burgum 23-6-1917 † dêr 22-4-1919, 5 moanne
Bern fan Hendrik Wymers Bloemhof en Gaitske Inia VI.13
VII.15 Anne Hendriks Bloemhof * Ryptsjerk 22-10-1925; x G. Peters
VII.16 Wymer Hendriks Bloemhof * Ryptsjerk 12-11-1926; x D. Pietersen
VII.17 Herman Hendriks Bloemhof * Ryptsjerk 27-4-1928; x Corrie Silvia
VII.18 Jelle Hendriks Bloemhof * Ryptsjerk 27-3-1931; x R. Antonides
Rinze Wymers Bloemhof en IJbeltje Popma VI.15
VII.19 Lamkje Rinzes Bloemhof * Burgum 17-3-1916;
x J. Katerberg
VII.20 Aldert Rinzes Bloemhof * Burgum 5-6-1919 † dêr 16-5-16-5-1920, 11 moanne
VII.21 Aldert Rinzes Bloemhof * Burgum 9-8-1921 † dêr 17-12-1921, 4 moanne
VII.22 Wiemer Rinzes Bloemhof * Burgum 3-8-1917; by trouwen boere-arbeider te Koarnjum; letter te Bûtenpost, Deinum en Stiens
x Ljouwerteradiel 23-9-1942 Marijke Smit * De Westereen 26-6-1922; dr f. Auke Femmes Smit, yn 1992 arbeider te Ie, yn 1942 te Koarnjum, en Eelkje Kornelis Postma
VII.23 Antje Rinzes Bloemhof * Burgum 11-4-1923;
x J. Voersma
VII. 24 Aldert Rinzes Bloemhof * Burgum 28-10-1924;
x A. IJbema
Bern fan Sybe Wymers Bloemhof en Antje de Jong VI.16
VII.25 Joukje Bloemhof;
x H.A. Hartholt/Assen/
VII.26 Wymer Bloemhof;
x H. Jansma/Sumar/
Bern fan Sape Doeyes Bloemhof en Trijntje Pieters van der Meer VI.27
VII.27 Doeye Sapes Bloemhof * Aldtsjerk 10-9-1891 † Burgum, Hillema state, 3-10-1969; skipper, letter fûraazjehanneler te Aldtsjerk (hûsnrs û.o. 83, 75, 81, 123, 100);
x Tytsjerksteradiel 16-5-1916 Ikje Visser (útsprutsen as: Ykje) * Aldtsjerk 30-3-1896 † Ljouwert (wenjend te Aldtsjerk) 25-9-1965 [] Aldtsjerk; godtsjinst foar har trouwen: gjin; dêrnei: Ned. Herf.; dr f. Tjipke Andries Visser, greidboer te Aldtsjerk, en Grietje Jorrits Kooistra
Bern sjoch: VIII.
Doeye Sapes Bloemhof (VII.7). Foto: F.O. Strüppert, Nôtmerk 201, Ljouwert. Foto’s yn dit skift komme út de Kolleksje P. Swart-Bloemhof
Ykje Visser. Foto: F.O. Strüppert, Nôtmerk 201, Ljouwert.
Doeye en Piter Bloemhof, Foto: De Jong, Ljouwert
VII.28 Pieter Bloemhof * Aldtsjerk 2-1 1-1893 † Oentsjerk 17-7-1984 [] Aldtsjerk; tsjerkeriedslid Aldtsjerk, bestjoerslid iisferiening Aldtsjerk; yn 1918 wurksum yn ’t boerebedriuw fan syn skoanheit te Eastrum, idem healwei 1919 te Aldtsjerk, sûnt 12-5-1924 te Readtsjerk;
x Eastdongeradiel 13-6-1918 Luutske Bosma (Luet) * Minnertsgea 29-1-1898 † Noardburgum 25-10-1980 [] Aldtsjerk; by trouwen sûnder berop te Eastrum
Bern sjoch: VIII.
Sjoch nrs. 2 en 3 yn ’e Kertiersteat Pytsje en Tine Bloemhof
Avertinsje Leeuwarder Courant, 8-6-1943:
It feest is yn Kafee Woudstra te Aldtsjerk
VII.29 Jelle Bloemhof * Aldtsjerk 1-7-1897 † Den Haach 25-4-1920 [] Aldtsjerk; ferfart -5-1912 nei Maastricht, komt dêrwei 6-11-1918 yn Readtsjerk, giet 12-2-1920 nei Ljouwert (hoeke Nije Buorren-Breedstrjitte), by ferstjerren kantoarfeint wenjend te Ljouwert
Jelle Bloemhof. Foto: Strüppert & Van Duyl, Ljouwert
Jelle wurdt as jonge fan fjirtjin nei Maastricht stjoerd om dêr foar skoalmaster te learen. Hy is deaûnwennich. Syn brieven tsjûgje dêrfan. It wurdt dêr neat mei it heljen fan syn papieren. Jelle komt ûnder de hoede fan ’e direkteur fan ’e Rykskweekskoalle te Ljouwert. Ek dat rint op ’e non, hy sakket foar ’t eksamen. Hy set himsels yn ’e kop dat er it skoalmasterjen net yn ’e mars hat. Hy krijt tydlik in baantsje as kantoarfeint te Ljouwert. Mar hy wol nei Ingelân. Op trochreis yn Den Haach set er yn ’e hotelkeamer de gaskraan iepen.
Jelle Bloemhof yn ’e Grutte Oarloch mei syn mem Tryntsje van der Meer en Trude Pabst, in Dútse evakuee. Foto: J.M. van der Peijl, Nijesteech, Ljouwert
Bern fan Tæde Doeyes Bloemhof en Attje Teunis Sikma VI.29
VII.30 Rinske Tædes Bloemhof * Gytsjerk 22-4-1894 † 22-3-1905 [] Gytsjerk
VII.31 Doeye Tædes Bloemhof * Gytsjerk 10-2-1897 † dêr 19-3-1897 [] Gytsjerk
VII.32 Tietje Tædes Bloemhof * Gytsjerk 1-6-1898; Grifformeard; ferfart 3-6-1920 nei Arum;
x Sjouke Yntema * Penjum 7-3-1897 † Arum 26-4-1944; boer te Arum; sn f. Hessel Sjoukes Yntema, boer te Penjum en op Tritsum, en Janke Annes Elgersma
VII.33 Jan Tædes Bloemhof * Gytsjerk 28-1-1903; Grifformeard; ferfart 12-5-1924 nei Hichtum; by trouwen en 1928 greidboer te Hichtum, yn 1932 en ’37 te Kubaard;
x Hinnarderadiel 6-5-1927 Gesina Geertruida van der Velde * Burchwert 10-9-1903; dr f. Paulus Baukes van der Velde, yn 1903 greidboer te Burchwert, yn 1927 te Spannum, en Jetske Johans Cnossen
Bern sjoch: VIII.
VII.34 Rinske Tædes Bloemhof * Gytsjerk 18-10-1904; ferfart 12-5-1924 nei Hichtum;
x Bolswert 5-5-1932 Rinse Gerrits Greijdanus * Dronryp 17-2-1906; Grifformeard; sn f. Gerrit Ymtes Greijdanus, boer te Dronryp, en Lamke Willems Brems
VII.35 Doeye Tædes Bloemhof* Gytsjerk 2-7-1908; ferfart 12-5-1924 nei Hichtum; 1931 te Muskegon U.S.A.
Bern fan Wybren Sytses Bloemhof en Catharina Tichelaar VI.22
VII.36 Sytze Wybrens Bloemhof * Ljouwert 15-2-1886; arbeider, wennet yn 1889 te Ljouwert en te Grins, by trouwen te Ljouwert, mar dan binnen de lêste seis moannen te Grins;
x Ljouwert 17-8-1907 en dêr skieden 18-10-1914 Anna de Vries * Lekkum; by trouwen tsjinstfaam te Ljouwert; komt 1-4-1911 út Eichel (Dútslân) yn Ljouwert; yn 1913, ’14 dêr húshâldster, yn 1914 dêr arbeidster; by twadde houlik dêr sûnder berop; (wenplakken yn Ljouwert û.o: Hoekster Achterom A18, Hoeksterkerkhof A35, Cambuursterpad Q10); dr f. Pieter Jans de Vries, arbeider te Almenus en Ljouwert, en Hendrikje Hendriks Veldkamp, arbeidster te Almenum
Bern sjoch: VIII.
Anna x 2 Ljouwert 20-11-1915, 30 en 39 jier, Klaas Visser * Nijetrijne (Weststellingwerf) 22-10-1876 † It Hearrenfean 28-4-1950; Rooms Katolyk; by trouwen arbeider te Ljouwert; komt op 5-6-1911 út Bochum (Dútslân) yn Ljouwert; by ferstjerren sûnder berop op ’t Fean; sn f. Wolter Klazes Visser en Joukjen Joukes Hottinga;
Klaas x 1 Weststellingwerf 1-4-1905 Rica Lenting * Bergh 10-2-1882; dr f. Johannes Wilhelmus Lenting en Kaatje van Vliet
Sytze is net by de oanjefte fan syn soan Pieter yn 1908. Yn ’e berte-akte stiet: zijnde de vader door tijdelijke afwezigheid verhinderd deze aangifte te doen. Yn ’e geboarte-akte fan ’e twadde Pieter is oantekene: vroeger arbeider wonende te Leeuwarden, wiens tegenwoordige beroep en woon- of verblijfplaats onbekend zijn. By de berte fan Hendrikus is Sytze syn berop en wenplak likemin bekend.
Anna skiedt fan Sytze by fûnis fan ’e Arrondissemintsrjochtbank 18-10-1914 te Ljouwert. Sytze wurdt daagd yn in advertinsje yn ’e Ljouwerter Krante, pleatst 12-5, 12-6 en 11-7-1914
Hjirûnder in part fan ’e akte fan skieding:
VII.37 Cornelia Bloemhof* Grins 24-1-1888
VII.38 Gerrit Wybrens Bloemhof * Ljouwert 30-11-1890 † dêr 22-2-1914, 23 jier; wennet yn 1897 te Grins en Ljouwert; yn 1914 hússkilder te Ljouwert
VII.39 Libbenleas famke Ljouwert 27-1-1894
GeneraasjeVIII
Bern fan Sybe Sapes Bloemhof en Aukje Detmar VII.2
VIII.1 Sape Sybes Bloemhof * Twizel 2-2-1924
VIII.2 Louw Sapes Bloemhof * Burgum 27-11-1925
VIII.3 Geert Sapes Bloemhof * Burgum 28-12-1926
VIII.4 Trijntje Sapes Bloemhof * Burgum 11-5-1928
Bern fan Gerrit Sapes Bloemhof en Wipkje Jans Hooghiemstra VII.5
VIII.5 Antje Gerrits Bloemhof * Burgumerheide 4-4-1929 † Ljouwert (wenjend te Noardburgum) 25-7-1933
VIII.6 Trijntje Gerrits Bloemhof* Burgumerheide 27-11-1930 † Noardburgum 19-9-1932
VIII.7 Sape Gerrits Bloemhof* Burgumerheide 13-11-1932;
x Sybrigje Veenstra/Feanwâlden/
VIII.8 Jan Gerrits Bloemhof* Burgumerheide 9-8-1934;
x Froukje Jager/Feanwâlden/
VIII.9 Siebe Gerrits Bloemhof* Noardburgum 11-2-1936;
x Klary Leegstra/De Westereen/
VIII.10 Anna Trijnjke Bloemhof * Feanwâlden 22-6-1937;
x S. de Hoop/Hantum/
VIII.11 Trijntje Bloemhof * Feanwâlden 29-8-1939;
x Jilles Tjoelker/Koatstertille/
VIII.12 Gjalt Bloemhof * Feanwâlden 5-5-1943;
x Harmina Tijsma/ Ermelo/
Bern fan Doeijes Sapes Bloemhof en Ikje Visser VII.27
VIII. Sape Doeijes Bloemhof * Aldtsjerk 20-10-1917 † dêr 26-2-1983 [jiske] Aldtsjerk
x 16-5-1941 Elsiena Wilhelmina Kolk (Siene); winkellju te Aldstsjerk: Sape en Siene nimme op 1 april 1943 de winkel oer fan pake Sape en beppe Tryntsje (VI.27)
Bern sjoch: IX.
Advertinsje Leeuwarder Courant:
VIII. Tjipke Doeijes Bloemhof * Aldtsjerk 12-10-1918 † dêr 8-12-1918, ien moanne [] Aldtsjerk
VIII. Tjipke Doeijes Bloemhof * Aldtsjerk 3-3-1920† Snits 13-1-2011; transportûndernimmer te Aldtsjerk
x Tytsjerksteradiel 2-10-1947 Hinke Duursma * Ryptsjerk 6-3-1918 † Aldtsjerk 6-12-1972; dr f. Ate Bonnes Duursma, greidboer te Ryptsjerk (nrs 57b, 74, 70), en Minke Oebles van der Kooi
Bern sjoch: IX.
VIII. Grietje Bloemhof * Aldtsjerk 17-5-1925
x Jacob Dalstra (Joop) /Doetinchem/
VIII. Pieter Jelle Bloemhof * Aldtsjerk 9-8-1934;
x G.B. Okkinga/Otterndorf (Dútslân)/
Bern fan Pieter Bloemhof en Luutske Bosma VII.
VIII. Pietje Bloemhof (Pytsje) * Eastrum 6-11-1918; tsjerkeriedslid frijsinnich Ned. Herf. Tsjerke Gytsjerk-Oentsjerk-Wyns
x Tytsjerksteradiel 16-5-1941 Tjebbe Nico Swart (Nico) * Rotterdam (wenplak Midslân, Schylge) 17-6-1912 † Ljouwert (Diakonessehûs) 1987 [] Aldtsjerk; tsjerkeriedsriedslid en administrateur Doopsgesinde Gemeente Feanwâlden; Seefeartskoalle Amsterdam; tredde stjoerman op ’e grutte feart; dêrnei Suvelskoalle te Boalsert; ûnderdirekteur Koperative Suvelfabryk Trynwâlden en omkriten; sn f. Tjebbe Gerrits Swart, seekaptein op ’e grutte feart (û.o. op it frachtskip Kerkplein), domisylje hâldend op Horp, Schylge, en Maria Wybrands Dekker
VIII. Trijntje Bloemhof (Tine) * Readtsjerk 19-10-1924 † Oentsjerk 2-3-2009 [] Gruttegast; pedikuere te Gruttegast
x Dantumadiel 21-2-1952 Berend Ennema (Bé) * Uithuizen (Grinslân) 10-10-1922 † Gruttegast 12-8-1986 [] Gruttegast; plysjeman te Aldtsjerk en Gruttegast, letter notarisklerk te Gruttegast; sn f. Kornelis Ennema, kleanmakker-kûpeur te Uithuizen, en Cornelia van Deel
Pytsje en Tine Bloemhof. Foto´s: Modern, Wurdumerdyk 14, Ljouwert
Pytsje Bloemhof
Tine Bloemhof
VIII. Tæde Bloemhof * Hichtum 19-10-1928
VIII. Jetske Bloemhof * Kubaard 13-7-1933
VIII. Antje Bloemhof* Kubaard 16-3-1937
Generaasje IX
Bern fan Sape Doeijes Bloemhof en Elsiena Wilhelmina Kolk VIII.
IX. Wibbina Ikje Bloemhof (Bine) * Aldtsjerk 13-6-1947;
x Jacob Visser
IX. Doeije Sape Bloemhof * Aldtsjerk 13-6-1947;
x Klaske Jongbloed
Bern fan Tjipke Doeyes Bloemhof en Hinke Duursma VIII
IX. Doeije Bloemhof * Aldtsjerk 27-4-1950 † Ljouwert (wenjend te Aldtsjerk) 29-7-1988; [] Aldtsjerk; transportûndernimmer te Aldtsjerk
x Tytsjerksteradiel 21-12-1973 Sijtske Dijkstra * Kollumersweach 21-10-1954; edukatyf meiwurker Tresoar; dr f. Bernhard Dijkstra en Jitske Luinstra; Sytske hat in relaasje mei Lubbert Boersma
Advertinsje Leeuwarder Courant, 30-7-1988:
IX. Ate Bloemhof * Aldtsjerk 2-9-1953; transportûndernimmer
IX. Yke Bloemhof * Aldtsjerk 25-8-1956 † Hoogeveen 8-5-1984 [] Aldtsjerk; transportûndernimmer
Kines fan Sytze Wybrens Bloemhof en Anna de Vries VIII.
IX. Pieter Bloemhof * Luwadden 18-5-1908 † dêr 17-11-1908, 5 maand
IX. Hendrikje Bloemhof * Eichel (Dútslân) 13-9-1910; Rooms Katolyk; komt op 1-4-1911 út Eichel in Luwadden; dêr dienstmeid bij H.A. Drontmann St. Jacobsstraat 25; ferhúst 6-8-1929 naar Borger Kompaskuum;
IX. Pieter Bloemhof * Luwadden 23-3-1913; ferhúst met Hendrikus op 5-3-1924 út Luwadden naar Roermond
IX. Hendrikus Bloemhof * Luwadden 14-8-1914; ferhúst met Pieter op 5-3-1924 út Luwadden naar Roermond
Generaasje X
Bern fan Doeije Bloemhof en Sijtske Dijkstra IX.
X.Tsjipke-Hink Bloemhof * Ljouwert 18-10-1974 † Aldtsjerk 25-12-2007
X. Bernhard-Ate Bloemhof (Bennie) * Aldtsjerk 14-5–1977;
x 16-5-2008 Berber Veenstra * Burgum 30-3-1971; dr fan Geert Veenstra en Gerry Douma
X. Yke-Klaas Bloemhof * Ljouwert 6-1-1981
Bern sjoch: XI.
Bern fan Bernhard-Ate Bloemhof en Berber Veenstra:
XI. Doeye-Geert Bloemhof Bern fan Yke-Klaas Bloemhof:
XI. Doeye-Durk Bloemhof
XI. Tsjipke-Jan Bloemhof
XI. Hinke-Willy Bloemhof