BOELSTRA
OLIVIER BOELSTRA
Dit wapen is ornearre foar de neiteam fan Syds Johannes Boelstra (nûmer I yn dizze genealogy), earst troud mei Grietje Tieerds, twad mei Tyttie Tjeerds,
mei de namme Boelstra
Beskriuwing: yn goud in spliten reade keper, boppe beselskippe fan twa griene klaverblêden en ûnder fan in omkeard swart hoefizer. Helmteken: in útkommend swart hynder. Helmkleed: read, fuorre mei giel.
Untwerp: Fryske Rie foar Heraldyk yn ’e mande mei de Stichting Erfgoed Fundaasje.
Wapentekener: R.J. Broersma, Heraut Frisia IV.
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
Ynstjoerder by de Fryske Rie foar Heraldyk yn 2018: Stichting Erfgoed Fundaasje, Ljouwert.
Registraasjenûmer: GJ 2018-3. Registraasje: Genealogysk Jierboek 2018, Fryske Akademy, Ljouwert, novimber 2018.
It wapen Boelstra is ûntwurpen foar de neiteam fan dit slachte út Stiens, dy’t dêre yn 17e ieu smid wienen. Letter wurde it boeren yn Ljouwerteradiel en ûnder oaren yn ’e Súdhoek fan Froubuorren.
De namme is ûntliend oan Buorsyl, earder skreaun as Boerlazijll, de slûs yn ’e binnendyk by Koarnjum der’t de Koarnjumer Mear (=feart) op útkomt foar it ôffieren fan it wetter nei de Middelsee. Letter wurdt de Stienzer Hegedyk (Breedyk) oanlein, sadat de oarspronklike dyk in binnendyk wurdt.
Yn 1711 keapet Tjeerd Sydses fan Stiens de ‘huisinge en smitte tot Cornjum aan de binnendijk bij Boelezijl’, yn 1717 docht hy dat besit oer oan syn broer Johannes Sydses (1690-1780). Dy syn soan Syds Johannes neamt him yn 1765 foar it earst Boelstra. De âldste stamheit is Syds Popckes, boer en keapman te Aldebiltsyl, neamd sûnt 1617, de oerpake fan boppeneamde Tjeerd Sydses fan 1711.
De spjalten fersmelde keper stiet foar de slûs op Buorsyl, de klavers foar it boerebedriuw en it hoefizer foar it berop fan smid. Ein 18e ieu wurde de Boelstra’s ferneamde hynstefokkers oan hjoeddedei ta, dêrfoar stiet it útkommende Fryske hynder as helmteken.
FRAGMINTEN GENEALOGY
Hynstefokker en pikeur Sieds Siebe Boelstra (VI.3.3) op Pegasus
Research and composition: Erfgoed Fundaasje/Heritage Foundation.
This genealogy is not yet complete, it’s being worked on. Do you have additions and/or enhancements? See this form.
Undersyk en gearstalling generaasjes I-III en dêrboppe-op:
Mr Jan T. Anema {JTA} te Rotterdam en drs Ype Brouwers {YB} te Ljouwert, en Dirk Douwes Osinga {DDO}.
Fierdere generaasjes: drs Goasse Brouwer – Erfgoed Fundaasje. Mei tank oan Jouke Entjes van der Ende, Hijum.
Dizze genealogy is noch lang net wat it wêze sil: wurdt oan trochwurke. Graach oanfullingen en ferbetteringen. Sjoch kontaktformulier.
Lêste oanfullingen fan Ype Brouwers, 6-3-2022, by:
II Tiaerdt Sydses x 1638 Dieu Auckedr
Gâns gegevens hjirûnder binne mei tank oernommen út: S. Kok-Draijer, Kalma, Het voor- en nageslacht van Dirk Karstes Kalma en Akke Jetzes Wobma, diel I en II, ISBN 90-9006206-8, Drachten, 1993.
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
Hjirûnder is Hinke Visser-Oostra, dochter fan Fetsje Boelstra (sjoch hjirûnder V.9.2) en Doeke Oostra, op ’e tekst oer har pake en beppe Boelstra-Noordenbos en oare sibben.
Tseard Kerstma is lang hierder fan ien fan ’e Boelstra-pleatsen: Horne sathe, no eigen oan ’e Boelstra Olivier Stichting.
Yn ûndersteand filmke is Kerstma op ’e tekst oer hoe’t syn laach yn ’e Stienzer kontreien bedarret en oer har bannen mei de Boelstra’s. Kerstma syn pake Tseard, boeresoan yn Tsjerkgaast, hat sân soannen dy’t allegear boer wurde wolle. Kerstma syn heit belânet op in Boelstra-pleats. Pakesizzer Tseard fertelt…
Dit earste fragmint duorret sa’n trije minuten, klik foar it ferfolch.
SKEMA FRAGMINT GENEALOGY (provisoarys: wurdt oanpast neffens nije ynkommen ynformaasje)
STAMRIGE
hjirûnder de lêste resultaten fan ûndersyk troch genealooch Ype Brouwers (de nûmering fierderop wurdt noch oanpast)
I
Syds Popckes; boer, keapman te Aldebiltsyl;
x 1 foar 1610 Auck Tyaerdtsdr † 1623/25;
x 2 Froubuorren 4-7-1625 Sydts Lyckledr, fan Marrum, komt yn 1641 mei attestaasje fan Hijum (werom) nei Marrum, dêr † 27-3-1669.
Yn 1617 (BIL N1 379v) binne Sydts Popkez en Auck Tjaertsdr te Aldebiltsyl 221 karg. skuldich oan Jacob Borryts en Foske Koopsdr te Ljouwert en dy syn soan Aeryen Jacobsz fan levere flaaks en linnen.
Yn 1622 (BIL N3 69, 125) keapje Sydts Popckez en Auck Tyaartsdr te Aldebiltsyl in hûs en de helte fan 10 morgen nij bedike ‘Monnicke billand’ (ek: nije ‘Mariengaerder billand’) fan Joris Arriaens en Anke Gossedr foar 2000 karg.; jiers dêrop keapje hja de oare helte fan Thonis Gosses te Hallum foar 1800 karg.
Yn 1623 (BIL N3 96) liene Sydts Popckes en Auck Tyaertsdr te Aldebiltsyl 300 goudg. fan Stephanus Ubeli, rector te Dokkum, as fâd oer Hester Ottes.
Yn 1623 (BIL N4 183v) liene Syts Popckes, keapman te Aldebiltsyl, en Auck Tyaerdtsdr 150 karg. fan Waling Aeriens; Popke Sytsz, brouwer te Aldebiltsyl, stelt him boarch foar syn heit.
Op 11-6-1625 wurde op It Bilt Wicke Gribberts en Syerck Claes oansteld as fâden oer Sipck, yn har 16de, Tyaerd, 14de, Frederick, 10de, en Elco, 5de, bern fan Syts Popckesz by Auck Tyaerds silger.
Yn 1626 en ’27 (BIL N3 230, 240, 244v, 262, 189) liene Syds Popckes, keapman te Aldebiltsyl, en Sytske Lyckledr yn totaal 1850 karg. fan û.o. Wiltie Lyeuwes te Froubuorren; hja stelle dan gauris harren 10 pm (ek 11 pm 3 eins) nij bedike Munckebilt lân (ûnder de klokslach fan Hallum) as ûnderpân.
Yn 1627 (HvF WW18 168) hawwe Tyepcke Rochus c.s. in kwesje mei Sydts Popckez en Thijs Gerbrensz, mei fanwege de fierdere brûkers fan ‘Mariengaerster nieuw bedijkte Billanden’ en fan de oare ynwenners yn it easten fan Hallum oer reparaasje fan de tille by Mariengaerster mûne.
Yn 1631 (BIL N4 33v) liene Syds Popkes en Sytske Lyckedr ‘op old Monnikebildt’ 1600 karg. fan Jan Dionisen en Doedtie Idsdr te Frjentsjer. Harren hûs en gebrûk fan lannen tsjinnet as ûnderpân.
Yn 1632 (BIL N3 462) liene Syds Popkes en Sytske Lyckledr, no te Marsum mar ynkoart te Hallum, 200 goudg. fan Juryen Oedses en Dyucke Reynsdr te Ferwert.
Yn 1632 en ’33 (BIL N3 467v, N4 2, 258v) liene Syds Popkes en Sytske Lyckles ‘bij de Ley’ yn totaal noch 1360 karg.; Jeppe Lyckles stelt him yn 1632 boarch.
In soan fan Syds is:
- Popke Sytsz * foar 1599; brouwer en herbergier te Alebiltsyl,
x (earste prokl. Froubuorren 24-1-1641) Anne Gerritsdr.
Yn 1624 (BIL N3 204) is Popke Sytsz te Aldebiltsyl bedragen fan 140 en 152 karg. skuldich oan Claes Symens, bierstekker te Berltsum, fan levere bier.
Ut it earste houlik:
- Sipck Sydsdr * om 1610 hinne;
x Sint Jabik (earste prokl. Froubuorren 13-3-1633) Aeryen Symons.
Dopelingen te Harns: Martie 1639, Jacob 1643, Symen 1644.
- Tyaerd * om 1612 hinne, folget.
- Frederick * om 1616 hinne.
- Elco * om 1621 hinne.
Ut it twadde houlik:
- Auck ~ Marsum 29-4-1632.
- Hiltie ~ Marrum 7-1-1644.
- Jouck ~ Marrum 7-1-1644.
De broer fan Sydts Lyckledr, Jeppe Lyckles, falt bûten ús bestek mar hy wie boer op stim 14 fan Marrum, dêr lidmaat en dêr stoarn 5-9-1666. Ek hy hie in dochter Jouck, dat dy sil nei harren mem neamd wêze.
II
Tiaerdt Sydses * om 1612 hinne, fan Stiens † 1675/85;
x (tredde prokl. Stiens 14-10-1638) Dieu Auckedr, fan Hijum, widdo 1688.
Yn 1640 keapje Tiaerdt en Dieu in hûs te Stiens dat sy yn 1688 as widdo ferkeapet oan Syds Tieerts.
Yn ’e perioade 1654-’70 is Tierdt Sydsses kontinu doopsgesind lidmaat te Hallum/Hijum.
Yn dy perioade is net in nammegenoat bekind en dêrom moat dit hast wol de Tiaerdt, man fan Dieu, wêze.
Yn 1675 (LWL V17 289v) binne Tieerdt Sytses en Dieuw Auckes te Stiens 150 goudg. skuldich oan Claes Fransen, lekkenkeaper te Ljouwert, fan winkelwaren. Sy stelle harren hûs ta ûnderpân.
Yn 1725 (LWL 149 63) keapet Obbe Tjeerds Westra, doarpsrochter en skoalmaster te Stiens, 1/6 hûs c.a. op Wytruimerbuiren, mienskiplik mei Engel en Antie Tjeerds, mei de Kleine Weg east en súd, Jeltie Pybes c.s. west en it St. Antony Gêsthûs benoarden, fan Johannes Sydses, mr. grofsmid te Koarnjum, foar 50 goudg. De sibben Sioucke Pytters te Wyns en Tieerd Pytters te Stiens fersykje it near en wurde keapers.
Yn 1730 (LWL 150 29v) keapje Tjeerd Pytters, keapman te Stiens, en Sjoukjen Sipkes 1/3 hûs c.a. op Wijderenbuiren dêr’t Antie Tjeerds wennet mei de Kleine Weg east en súd, Jeltie Pybes west en it St. Antony Gêsthûs benoarden fan Tjeerd Ockers en Ocker Hanses te Stiens foar 200 karg.
Yn 1730 (LWL 150 35) keapet Tjeerd Pytters, keapman te Stiens, 1/3 hûs c.a. op Wijderenbuiren, bewenne troch ferkeapster, dêr’t de keaper 5/6 (lês 3/6) fan besit, fan Antie Tjeerds, widdo fan Pytter Sjoukes, foar 100 goudg. Ferkeapster mei dêr oant har dea fergees wenje bliuwe.
Yn 1738 (LWL 151 9v) keapet Tjeerd Pytters, keapman te Stiens, 1/6 hûs c.a. op Wijderenbuiren, dêr’t de widdo fan Halbe Jurjens wennet en dêr’t de keaper 5/6 fan besit,fan Syds Tjeerds, mr. smid yn De Knipe, foar 75 karg.
Grif út dit houlik:
1 Engeltie Tjaerds
x (earste prokl. Stiens 24-4-1670) Ocker Johannes ~ Stiens 13-10-1644, soan fan Johannes Roelofs en Trijn Ockers. Op 12-2-1682 docht hy belidenis en wurdt sy op belidenis doopt.
Yn 1726 (LWL 149 71) keapje Tjeerd Ockers en Tjeerdtie Gerryts te Dronryp hûs c.a. te Stiens fan Jelle Gales en Engel Tjeerds foar 700 karg. Ferkeapster mei dêr oant har dea fergees wenje bliuwe.
Dopelingen te Stiens: Trijntje, 1683 (x Hallum 1705 Hans Jesses; soan Ocker, berne Hallum 1706) en Tjeerd, 1688 (1717 te Dronryp).
2 Syds Tjeerds, folget III.
3 Antie Tjaerds;
x Stiens 20-2-1687 Pytter Sjoukes ~ Froubuorren 6-12-1657, groatmakker, soan fan Sjouke Bartles en Diuwke Pyters. Op 28-10-1688 docht hy belidenis en wurdt sy op belidenis doopt.
Yn 1687 (LWL Q6 58, V19 193v) keapje Pyter Sioukes en frou hûs c.a. te Stiens fan Pyter Heyns foar 280 goudg.; dat hûs stelle hja as ûnderpân foar in liening fan 550 karg. dat jier by Dieucke Ruierds, widdo fan Frans Hardomans, te Ljouwert.
Yn 1698 en 1700 (LWL V19 8, 108) keapet Pytter Siouckes yn boelgoeden.
Dopelingen te Stiens: Djieuke 24-5-1688 en 21-4-1689, Siouke 9-11-1690 en 18-12-1692, Tjeerd 11-11-1694, Djieuke 10-4-1696, en Tjeerd 27-11-1698.
Mooglik ek:
4? Auck Tjaerds;
x Stiens 3-1-1669 Jan Coerts, fan Wâlterswâld, tsiisdrager, beide dogge belidenis Stiens 28-4-1672, hja ferhúzje mei attestaasje per 8-7-1677 nei Ljouwert.
Op 10-11-1674 wurdt Jan Coerts, tsiisdrager, berne Wâlterswâld, boarger fan Ljouwert.
Yn 1682 (LWL Q5 154) keapje Jan Coerts en frou te Ljouwert in hûs te Stiens bewesten syn eigen hûs fan de krediteuren fan Sioerd Boelema foar 100 goudg.
Nei alle gedachten is dizze Auckien Tiaerdts x 2. Stiens 22-10-1686 Jan Dircks, linnenwever; sy komt mei attestaasje per 30-10-1687 fan Ljouwert nei Stiens.
III
Syds Tjeerds, smid en ymker te Stiens, † nei 1708;
x Stiens 5-7-1685 Grietje Pyters, berne (Lekkum) om 1663 hinne, † Jelsum 26-12-1759, dochter fan Pyter Tædes en Tziets Willems.
Sjoch foar har omke Jan Tædes en har fierdere famylje bylage skoanfamylje.
Yn 1688 (LWL Q6 64) keapet Syds Tieerts te Stiens in hûs c.a. dêr fan de widdo fan Tieerd Sydses foar 250 goudg.
Yn 1696 (LWL V19 122) liene Syds Tieerds, mr. smid te Stiens, en Grytie Pyttersdr 400 karg. fan Jan Tædes en Sioerdtie Dirckx te Feinsum. Yn 1702 (LWL V19 122v) liene hja jitris 250 karg. fan dyselden; salang’t dit net ôflost is, hearre harren hûs en húsrie oan de krediteuren ta.
Yn 1698 en 1701 (LWL V19 338, 121v) liene Syds Tieerds, mr. smid te Stiens, en Grytie Pyttersdr twaris 100 goudg. fan Claas en Antie Wybrens te Stiens en Joure; hja stelle hûs en smidsark as ûnderpân.
De jildsjitters binne echte Stienzers, bern út it houlik fan Wybren Claessen en Grietie Jacobs. Har mem Grietie wie earder troud mei Jorrit Tietes en dochter Sipkien Joryts út dat boask troude yn 1657 Mathijs Arnoldus Siderius (LWL Q5 52v).
Yn 1702 (LWL M38 220) wurdt fanwege de krediteuren de boedel beskreaun fan Syds Tiaards, mr. smid te Stiens, en Gryttie Pytters. Eigen binne hûs en hôf op de Langebuieren, ‘vier hoenders, seven korven met bijen’, ‘smidsgereedschap inde winckel: een ambeelt met de puister ende alle verdere smidsgereedschappen bestaande in hammers, knijptangen etc.’.
Yn 1702 (LWL H9 68) ropt meirjochter Baucke Bauckes de krediteuren fan Syds Tiaards en frou op om ta in fergelyk te kommen oer de ferdieling fan harren boedel. Hja wurde it net iens en dêrom stelt Baucke de folchoarder fêst. Dêrby komme dan de gerjochtskosten foarop, dan de efterstallige pacht en hier (û.o. 21 karg. fan hier fan de Buierefenne) en as lêste de forderings fan Jan Tædes en frou fan yn totaal 650 karg. De skuld oan Claas en Antie Wybrens is blykber yn de rin fan 1702 ôfbetelle.
Yn 1702 (LWL Q7 131v) keapje Jan Tædes en frou te Bitgum hûs en smidte c.a. yn de buorren fan Stiens, bewenne troch Syds Tiaards, fan Arrien Dirckx Vonck dy’t yn 1702 dêrta machtige wie troch de krediteuren fan Syds Tiaards, foar 375 goudg.
It stie der faai foar, de krediteuren easken ferkeap fan de fallite boedel. It wie Grietje’s omke Jan Tædes dy’t te help skeat mei syn oankeap. Sadwaande koene dy syn omkesister en har man – en letter har soannen – lykwols as hierders yn de smidte bliuwe.
Yn de bylage trije huzen sjogge wy dat Syds Tiaards hjir yn 1708 noch wenne, soan Johannes Sydses yn 1718 en soan Tieerd Sydses yn 1721.
Grietje Pieters docht belidenis te Stiens 29-4-1688; hja ferhuzet mei attestaasje per 21-8-1729 fan Stiens nei Koarnjum dêr’t hja yn 1754 noch as lidmate noteard stiet.
De dûmeny fan Jelsum noteart yn 1759:
Grietje Pieters moeder van Johannes smid te Cornjum, een vrou van hoogen ouderdom, sijnde in haar 97ste jaar. Sij wierd, wijlse leedemaat was, onderhouden van de Diaconiegoederen alhier. Stierf eindelijk den 26 December.
Ut dit houlik:
- Tjeerd, folget.
- Johannes, ~ Stiens 27-5-1688.
- Johannes, folget.
IV
IV.1 Tjeerd Sydses, ~ Stiens 25-4-1686, smid te Koarnjum en Stiens;
x Baard 16-3-1710 Siouck Jans, fan Wjelsryp. Hja dogge belidenis te Koarnjum 17-12-1713 en binne letter fertrokken nei Stiens.
Yn 1711 (LWL Q8 57) keapje Tieerd Sydses en Siouckien Jans te Stiens in hûs mei twa keamers en in winkel mei smidsark nammentlik ‘een puyster, ambeeld, schroef, coeltrog, voordstal (?) en slijpsteen’ te Koarnjum, brûkt troch Beern Sybolts, fan Arrien Gæles, âld smid op Paffenrode ûnder Ljouwert, foar 300 karg. plus 150 karg. foar it ark. Datselde jier (LWL V20 205) tekenje sy in skuldbekentenis oan Arrien Gæles foar datselde bedrach.
Dy smidte, by Boelesyl, wie al folle langer yn bedriuw. Yn 1675 (LWL Q5 92) kocht Aryen Gelis foar 350 goudg. hûs, smidte en ark tusken Jelsum en Koarnjum fan de erven fan (syn omke) Dirck Aryens, dy’t de smidte yn 1654 foar 236 goudg. kocht hie (LWL Q3 138). Hja binne fan in âld smidslaach en de famylje neamt him letter Faber. Tieerd en Siouck ferkeapje de smidte te Koarnjum yn 1717 oan syn broer Johannes.
Yn 1712 (LWL V20 206v) liene Tieerdt Sydses en Siouck Jans te Koarnjum 150 karg. fan Wybe Jans te Kimswert.
Yn 1714 (LWL V20 62v) binne Tieerd Sydtses en Siouck Jans te Koarnjum 100 karg. skuldich oan Jan Tædes te Dronryp fan nij-boude huzing en smidsark.
Yn 1716 (LWL V20 197) binne Tiaerdt Sydses, mr. smid, en Siouck Jans te Koarnjum 307 karg. skuldich oan Jacobus Terpstra, keapmen te Ljouwert, fan levere izer.
Yn 1716 (LWL V20 206) binne Tieerd Sydses, mr. grofsmid te Koarnjum mar no binnen Ljouwert, en Siouck Jans 166 karg. skuldich oan Anna Gravius, widdo Faber, te Ljouwert fan levere izer.
Yn 1721 bewennet Tieerd Sydses de smidte te Stiens fan syn heit dêr’t yn 1718 syn broer Johannes noch as bewenner noteard stiet.
Yn 1749 te Stiens Tjeerd Sydses widdo, earme widdo mei oanslach fan 6 karg. 12 st.
Ut dit houlik:
- Syds Tjeerds ~ Koarnjum 1-1-1715, smid yn De Knipe 1749 mei húshâlding fan fjouwer persoanen boppe en trije ûnder de tolwe, oanslach 50 karg., lidmaat dêr 1757-’71;
x (attestaasje fan Marsum 12-5-1738) Romkjen Thomas, ~ Ferwert 2-3-1710, lidmate De Knipe 1772, dochter fan Thomas Hendriks en Tietje Wybrens. - Tryntje, ~ Stiens 19-12-1717.
- Tryntje, ~ Stiens 11-2-1721.
IV.2 Johannes Sydses ~ Stiens 3-8-1690 † Koarnjum 1780/81; smid te Stiens en Koarnjum;
x 1 (attestaasje fan Ryptsjerk 17-7-1716) Reinouw Sakes, fan Ryptsjerk;
x 2 Stiens 28-2-1717 Fokeltje Jans, fan Hijum, widdo fan Dirck Wygers;
x 3 Koarnjum 12-11-1719 Sjuwke Bouwes ~ Britsum 29-3-1700, dochter fan Bouwe Gerrits en Grietje Binnes; x 4. Koarnjum 3-7-1762 Antje Pytters, tegearre noch lidmaten dêrre 1774.
Op 5-9-1717 komt Fokeltie Jans mei attestaasje fan Feinsum nei Koarnjum.
Yn 1717 (LWL Q8 184) keapje Johannes Sydses en Foockel Jans te Stiens hûs, smidte en smidsark oan de Binnendijck by Boelezijl te Koarnjum fan Tieerd Sydses en Siouck Jans foar 460 goudg. It ‘gemaacke en ongemaackt ijser tot dese smitte behoerende’ nimme hja nei taksaasje oer.
Yn 1718 stiet Johannes Sydses oars noch noteard as bewenner fan heite smidte te Stiens.
Yn 1719 (LWL V21 172) liene Johannes Sydses en Fokeltie Jans te Koarnjum 200 karg. fan Gerke Johannes en Geertie Jans te Dronryp; harren hûs, smidte en smidsark tsjinnet as ûnderpân.
Op 15-7-1719 wurdt Meyndert Reinderts, húsman te Koarnjum, oansteld as fâd oer de bern fan Dirck Wygers en Fokeltie Jans, beide ferstoarn; styfheit is Johannes Sydses, smid te Koarnjum.
Yn 1723 (LWL H9 114) sprekt Meynert Reyners as fâd oer de bern fan Fokeltie Jans by Dirk Wiegers te Koarnjum Johannes Sydses, mr. grofsmid dêr, oan oer in tegoed fan 140 karg. op Sioeck Tiaerd van Burmania.
Yn 1729 (LWL V21 323, 325) stelt Johannes Sydses, ‘mr. groftsmid’ te Koarnjum, him boarch foar in skuld fan Froukjen Adams, frou fan Gerben Pytters, te Jelsum; yn 1772 lit Johannes Sydses witte dat de skuld ôflost is.
Yn 1749 is Johannes Sydses smid te Koarnjum mei húshâlding fan fjouwer persoanen boppe en twa ûnder de tolwe, oanslach 30 karg.
Joannes Sydses bewennet fan 1749-’77 speesjenûmer 36 fan Koarnjum. Yn 1777 ferhuzet er nei de smidte fan (soan) Binne Johannes op nr. 28 dêr’t er yn 1780/81 stoarn is.
Ut it tredde houlik:
- Syds, folget V.1
- Grytje Johannes ~ Koarnjum 12-10-1721;
x Koarnjum 26-1-1744 Ruerd Harmens. - Tjitske Johannes ~ Koarnjum 24-2-1723 † Marsum 1755;
x Marsum 24-1-1745 Hendrik Thomas ~ Ferwert 4-11-1708 † Marsum 1776/77, soan fan Thomas Hendriks en Tietje Wybrens. - Trijntje Johannes ~ Koarnjum 18-3-1725;
x Koarnjum 11-6-1747 Jan Jacobs. - Benne Johannes ~ Koarnjum 25-5-1727; smid te Koarnjum;
x Jelsum 17-2-1754 Neeltie Jeeles.
Bern ûnder oaren de twilling Jochum, boer op Laakwert ûnder Tsjom, en Simme * Koarnjum 25-3-1773 ~ beide dêr 2-5-1773
(Sjoch Erfgoed Fundaasje Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma nr. 39)
Binne Johannes stiet sûnt 1774 notearre yn de personele kohieren mei in fermogen fan 600 karg.
- Pytie Johannes ~ Koarnjum 30-10-1729;
x Koarnjum 15-12-1754 Gerrit Nannes. - Akke Johannes ~ Koarnjum 18-1-1733;
x Koarnjum 12-5-1754 Tæke Oebles. - Ymk Johannes ~ Koarnjum 11-3-1736.
- Ymkje Johannes ~ Koarnjum 21-9-1738;
x Koarnjum 8-5-1763 Pytter Pytters.
GENERAASJE V
V.1 Syds Tjeerds † nei 1708, mr smid te Stiens, keapet yn 1688 in smidte dêr (keapsom 250,- goudgûnen);
x Stiens 5-7-1685 Grietje Pyters *[Lekkum?] omstr. 1663 † [Jelsum?] 26-12-1759, yn it Lidmateboek fan Jelsum stiet:
Grietje Pieters moeder van Johannes smid te Cornjum, een vrou van hoogen ouderdom, sijnde in haar 97ste jaar. Sij wierd, wijlse leedemaat was, onderhouden van de Diaconiegoederen alhier. Stierf eindelijk den 26 December.
dr f. Pyter Tædes en Tziets Willems.
Bern:
1 Tieerd Sydses, folget letter
2 Johannes Sydses ~ Stiens 27-5-1688 † [jong] vóór 1690
3 Johannes Sydses, folget
Notysjes by Syds Tieerds
1688 aug. 26 (keapbrief): Syds Tieerts tot Stiens b.b.c. op de koop van huisinge c.a. tot Stiens, belast met 28 st. grondpacht en een oord floreen. Piter Hommes Suden, Oedts Piters Noarden. Ferkeaper Tieerd Sydses widdo. Keapsom 250 goudgûnen (f. 350). [LWL (proclb. Q 6), fl. 64] De oankeap fan dit hûs wurdt neamd yn 1640 yn proklamaasjeboek Q2. Dit is de smidte te Stiens. {JTA} 1696 aug. 1: Syds Tieerdts tot Stiens en Gryttie Pytters, e.l., bekennen schuldig aan Jan Tædes en Sioerdtie Dirckx, e.l. tot Finckum, de somma van 400 cargld., rente 4 1/2 %. Hypoteek op “huisinge tot Stiens bij ons bewoont”. Hy tekenet Syds Tjeerds, sy stelt in skeankrús as merk. Registreard 1702. [LWL V 19, fol. 122] {DDO} 1698 maart 24: Syds Tieerds, mr. smid tot Stiens, “voor mij selven ende … caverende voor Grytie Pyttersdr.” bekend skuldich oan Claas en Antie Wybrens tot Stiens resp. de Joure [=De Lytse Jouwer/Hiaure] de somma van 100 ggld. (f. 140). Hy stelt hypteek op ‘‘mijn bewoonde huisinge, smidsgereedschappen, huisgeraden, linnen en wollen bij ons wordende beseeten’’. [LWL (hypb. V 18), fol. 338] {DDO} 1701 juli 16: Syds Tierds, mr. smidt, en Grytie Pytters dchr., e.l. tot Stiens, bekennen schuldig aan Claas en Antie Wybrens, broeder en zuster tot Stiens en op de Joure resp.ve woonachtigh, de somma van 100 ggld., rent 5%. [LWL V 19, fol. 121vo] {DDO} 1702 jan. 5: Syds Tieerdts tot Stiens en Gryttie Pytters, e.l., bekenne boppe de foarige obligaasjee dd. 1 aug. 1696 dat se oan deselde krediteuren skuldich binne 250 cargld., rinte 4 1/2 %. Hypotheek op onse huisinge, ensfh. Tekene as earder. [LWL V 19, fol. 122vo] {DDO} 1702 april 1 (keapbrief): Jan Tædes cum uxore tot Beetgum b.b.c. de koop van huisinge, afdack, hovinge, bomen en plantagie sampt smidterije tot Stiens in de Buieren, tegenwoordig door Syds Tiaards cum uxore bewoont, bezwaard met een ggld. grondpacht en een oord floreen. De kleyne wegh O., Pytter Hommes huisinge en hovinge Z., Heerewegh W., Harmen Dirckx N. Verkoper Arrien Dirckx Fonck neffens ferbaal fan 1 april 1702 ‘‘ij de crediteuren van Syds Tiaards voornt. geauthoriseert om het coopbrief wegens deselve te verteeckenen’’. Keapsom 375 ggld. 7 st. [LWL (proclb. Q 7), fol. 131vo] {DDO} NB. Dizze lêste akte fan 1702 ferklearret wêrom’t yn it âldste Reeëlkohier (RC) fan Stiens (1725) Syds Tieerds net als eigner fan ûnreplik guod foarkomt. Wol wurde yn 1725 as eigners fan in hûs neamd de Erven fan Jan Tædes; hierder Lammert Caree, smid. NB. Foargeande gong fansaken fynt ek syn wjerslach yn ’e Floreenkohieren fan Stiens, hûs nr. 1: 1700: Syds Tierds eygenaar ende gebruicker van sijn huisinge c.a., beswaart met een oord floreen (f. 0-7-0) 1708: eig. Jan Tædes, br. Syds Tiaards. 1718: eig. als earder, br. Johannes Sydses. 1728: eig. Gerke Johannes eig., br. Johannes Hendrix. (Gerke Johannes (1683-1758) wie de skoansoan fan Jan Tædes, cf. GJb 1987, Qu. P. Nieuwland nr. 276)
1688 aug. 26 (keapbrief): Syds Tieerts tot Stiens b.b.c. op de koop van huisinge c.a. tot Stiens, belast met 28 st. grondpacht en een oord floreen. Piter Hommes Suden, Oedts Piters Noarden. Ferkeaper Tieerd Sydses widdo. Keapsom 250 goudgûnen (f. 350). [LWL (proclb. Q 6), fl. 64]
De oankeap fan dit hûs wurdt neamd yn 1640 yn proklamaasjeboek Q2. Dit is de smidte te Stiens. {JTA}
1696 aug. 1: Syds Tieerdts tot Stiens en Gryttie Pytters, e.l., bekennen schuldig aan Jan Tædes en Sioerdtie Dirckx, e.l. tot Finckum, de somma van 400 cargld., rente 4 1/2 %. Hypoteek op “huisinge tot Stiens bij ons bewoont”. Hy tekenet Syds Tjeerds, sy stelt in skeankrús as merk. Registreard 1702. [LWL V 19, fol. 122] {DDO}
1698 maart 24: Syds Tieerds, mr. smid tot Stiens, “voor mij selven ende … caverende voor Grytie Pyttersdr.” bekend skuldich oan Claas en Antie Wybrens tot Stiens resp. de Joure [=De Lytse Jouwer/Hiaure] de somma van 100 ggld. (f. 140). Hy stelt hypteek op ‘‘mijn bewoonde huisinge, smidsgereedschappen, huisgeraden, linnen en wollen bij ons wordende beseeten’’. [LWL (hypb. V 18), fol. 338] {DDO}
1701 juli 16: Syds Tierds, mr. smidt, en Grytie Pytters dchr., e.l. tot Stiens, bekennen schuldig aan Claas en Antie Wybrens, broeder en zuster tot Stiens en op de Joure resp.ve woonachtigh, de somma van 100 ggld., rent 5%. [LWL V 19, fol. 121vo] {DDO}
1702 jan. 5: Syds Tieerdts tot Stiens en Gryttie Pytters, e.l., bekenne boppe de foarige obligaasjee dd. 1 aug. 1696 dat se oan deselde krediteuren skuldich binne 250 cargld., rinte 4 1/2 %. Hypotheek op onse huisinge, ensfh. Tekene as earder. [LWL V 19, fol. 122vo] {DDO}
1702 april 1 (keapbrief): Jan Tædes cum uxore tot Beetgum b.b.c. de koop van huisinge, afdack, hovinge, bomen en plantagie sampt smidterije tot Stiens in de Buieren, tegenwoordig door Syds Tiaards cum uxore bewoont, bezwaard met een ggld. grondpacht en een oord floreen. De kleyne wegh O., Pytter Hommes huisinge en hovinge Z., Heerewegh W., Harmen Dirckx N. Verkoper Arrien Dirckx Fonck neffens ferbaal fan 1 april 1702 ‘‘ij de crediteuren van Syds Tiaards voornt. geauthoriseert om het coopbrief wegens deselve te verteeckenen’’. Keapsom 375 ggld. 7 st. [LWL (proclb. Q 7), fol. 131vo] {DDO}
NB. Dizze lêste akte fan 1702 ferklearret wêrom’t yn it âldste Reeëlkohier (RC) fan Stiens (1725) Syds Tieerds net als eigner fan ûnreplik guod foarkomt. Wol wurde yn 1725 as eigners fan in hûs neamd de Erven fan Jan Tædes; hierder Lammert Caree, smid.
NB. Foargeande gong fansaken fynt ek syn wjerslach yn ’e Floreenkohieren fan Stiens, hûs nr. 1:
1700: Syds Tierds eygenaar ende gebruicker van sijn huisinge c.a., beswaart met een oord floreen (f. 0-7-0)
1708: eig. Jan Tædes, br. Syds Tiaards.
1718: eig. als earder, br. Johannes Sydses.
1728: eig. Gerke Johannes eig., br. Johannes Hendrix. (Gerke Johannes (1683-1758) wie de skoansoan fan Jan Tædes, cf. GJb 1987, Qu. P. Nieuwland nr. 276)
GENERAASJE VI
VI.1 Johannes Sydses ~ Stiens 3-8-1690 † 1780/81, mr smid te Stiens oant 1-5-1717, te Koarnjum 1717-1772, dêrnei wenjend te Jelsum;
x 1 (1e proklamaasje Stiens 28 juny, ûndertrou Ryptsjerk 28 juny, attestaasje nei Stiens 17 july) 1716 Reinou Sakes * te Ryptsjerk † foar 1717;
x 2 Stiens 28-2-1717 Fokeltje Jans * Holwert † foar 1719, widdo fan Dirck Wygers;
x 3 Koarnjum 12-11-1719 Sjuwke Bouwes ~ Britsum 29-3-1700, dr f. Bouwe Gerrits en Grietje Binnes;
x 4 Koarnjum 3-7-1763 Antje Pytters * Koarnjum † nei 1774.
Bern út it tredde houlik:
1 Syds Johannes, folget I
De folgjende bern wurde hjir letter útwurke:
2 Grytje Johannes
3 Tjitske Johannes
4 Tryntje Johannes
5 Benne Johannes
6 Pyttje Johannes
7 Akke Johannes ~ Koarnjum 18-1-1733;
x dêr 12-5-1754 Tæke Oebles * Koarnjum
8 Ymk Johannes ~ Koarnjum 11-3-1736, † [jong]
9 Ymkje Johannes.
EARSTE GENERAASJE MEI DE NAMME BOELSTRA
dit is yn ’e stamrige de sande generaasje, de nûmering wurdt noch oanpast as it ûndersyk ditoangeande útputtend syn beslach krigen hat
GENERAASJE I
I Syds Johannes Boelstra ~ Koarnjum 1-9-1720 † [Stiens] 1782/83, mr smid te Bitgum [1742-] 1744-1753, kastelein yn ’t Wapen van Leeuwarderdeel te Stiens 1753-1765, x 1e Koarnjum 17-6-1742 Grietje Tieerds * Koarnjum † Beetgum 1751 [Speesje Kohier], x 2e Bitgum 11-7-1751 Tyttie Tjeerds * Stiens (in wike “na Pinksteren”, mar Pinkster foel yn 1721 op snein 1 juny. Dat Tytsje is òf in wike fóár Pinkster geboaren (omstr. 25 maaie), òf in wike nei Pinkster doopt (8 juny) ~ Stiens 1-6-1721, dr f. Tjeerd Pytters, skuonmakker te Stiens, en Janke Pyters.
Bern út it earste houlik:
1 Tjeerd Sydses ~ Bitgum 19-3-1752 † [foar 1756]
2 Sieuke Sydses ~ Bitgum 19-3-1752.
Ut it twadde houlik:
3 Janke Tjeerds ~ Bitgum 19-3-1752
4 Johannes Sydses, folget
5 Tjeerd Pytter Sydses ~ Stiens 1-2-1756 † [jong]
6 Tjeerd Pytter Sydses ~ Stiens 9-10-1758 † [jong]
7 Tjeerd Pytter Sydses, folget letter
8 Pytter Sydses ~ Stiens 28-9-1768.
Oer de namme Syds/Sieds
Yn ’e earste generaasjes wurdt ek Syds skreaun, letter meast Sieds; útsprutsen as: Siis.
Yn dizze genealogy folgje wy fierhinne de offisjele stavering, dat is dy neffens de Boargerlike Stân. Wêrom? Soks is yn ’e sibbekunde wenst en it minsdom hinget oan it offisjele yn dizzen.
By de taljochtsjende teksten en de ûnderskriften by yllustraasje geane wy de folksgong en brûke wy meast de sprekfariant, dat dan skriuwe wy it fertroude Antsje ynstee fan Antje (dat net ien yn dit fermidden oait seit, noch sizze sil), en Tseard ynstee fan Tjeerd.
Syds Jehannes Boelstra is hjir yn 1753 kastlein, dan hyt de herberh De Drie Romers.
De útspanning feroaret (soms tagelyk mei de eigner) ek gauris fan namme: yn 1697, 1721: De Roskam, 1753 De Drie Romers, 1765 ’t Wapen van Leeuwarderadeel, yn 1850 is ’t wer De Roskam. Neffens frou Smids-Hoekstra, widdo fan Oepke Smids, jierrenlang útbaters fan dizze herberch, lei der op souder in boerd mei de namme De Drie Paardjes. Reinder Brolsma hat it yn 1932 oer de Twa springende Hynsten. Neffens Pyt Bouma wie de oantsjutting Dêr’t it Springende Hynsder úthinge. Yn ’e tiid dat Fierstra hjir kastlein is, is ’t ek: Café Fierstra en letter Hotel Smids. Sûnt 1971, as Ingo Brandsma kafeehâlder is, hyt it hjir De Smalle Brug, mooglik ûntliend oan Zate annex logement Smallenburg: eardere herbergen op dit stee wurde trouwens net Smalle Brug of Smallenburg neamd.
Boarne: Ljouwerteradiel beneamd – Toponimen Ljouwerteradiel troch de ieuwen hinne, Documentatiestichting Leeuwarderadeel, Stiens 2011, ISBN 978-90-817247-1-5
Advertinsje Leeuwarder Courant, 4-9-1765:
De secretaris van Leeuwarderadeel zal ten huize van Sieds Johannes Boelstra, castelein in ’t Wapen van Leeuwarderadeel te Stiens bij boelgoed verkopen: 11 à 12 paarden, 10 koeien, 18 schapen, 5 beslagen wagens, 4 ploegen, 10 eggen, 2 aardkaren, 1 nieuwe Groninger wagen op riemen “mitsgaders een chais, beide curieus modern fatsoen”.
Notysjes by Syds Tieerds
Syds is sa’t skynt nei syn earste houlik nei Bitgum tein, want by de oankeap yn 1744 fan ’e smidte yn ’e Hammeren dêr is er al hierder. Beëasten Bitgum lizze trije buorskippen: de Hamringen, Bij de Molen (Bitgummole) en Dyksterhuzen (dêr’t de dyk nei it suden bûcht). Ham, hem of him betsjut omheind gebiet, be-, omdike lân. Yn ’e 13e ieu wurdt de Langestraat-Hegedyk-Skreedyk oanlein fan Bitgum nei Koarnjum, de lêste ôfsluting fan ’e Middelsee oant it Bil bedike wurdt. Sadwaande de namme Hamringen.
It Personele Kohier (PC) meldt Syds te Bitgum 1747/51 mei in kapitaal fan 350 carg; op it Speesje Kohier (SpC) dêr 1748/50 mei 2 heale hollen, SpC 1751 de frou ferstoarn, 1752 wer 2 hh. en 1753 ferfearn nei Stiens. Op PC Stiens 1754, 1768 mei 350 carg.
Op RC Stiens 1753 stiet er als eigner-brûker fan in hûs (hierwearde f. 50), yn 1779 bewennet er syn eigen hûs, wearde f. 52-5 en is er eigner fan in smidte, ferhierd oan Jan Anthonij foar f. 50. Yn 1784 is syn widdo eigner fan ’e ferhierde smidte; it wenhûs is dan eigendom fan en brûkt troch Johannes en Tjeerd Siedses.
Yn 1752 lit Syds Jehannes trije bern dope te Bitgum, de jongste sa’t skynt út it twadde houlik (want neamd nei syn skoanmem), de beide oare út it earste boask.
1744 juli 7: Sjeds Joannis, mr. ijsersmid in de Hammeren te Beetgum, b.b.c. koop van huisinge, hovinge, bomen en plantagie c.a. in de Hammeren tot Beetgum, beswaard met een half floreen en drie off agt jaren huiringe de koper daaraan competerende. De koper zal bij het einde der huur op tauxatie moeten betalen de “nieuwe gemaakte smitterie met het gemaakte en ongemaakte ijserwerk alsdan in de winkel sijnde”. Ligging: “de dijck ten noorden”. Verkopers: Offe Jetses, hospes te Oosterwierum en Jan Gosses, huisman tot Engelum, elk voor de helft. Koopsom 385 cargld. [MEN (reces-proclb. A 25)]
1749: Sies Johannes, Beetgum, “gemeen”, 2+2 pers., f. 27-5-0 (kapitaal f. 700). [Kwotisaasje Kohier (QC)]
1753 mei 22: Gerben Jans te Marssum b.b.c. op de koop van huisinge en smitterije c.a. in de Hammeringe te Beetgum, beswaart met een halff floreen, per 12 May 1753 vrij van huuringe. Ferkeaper: Sies Johannes, mr. Groffsmid. Keapsom 604 carg. [MEN A 26]
1752 okt. 21: keapbrief wêrby’t Sieds Johannes en Tjetje Tjeerds ‘e.l. onder Beetgum kopen een welgelegen huisinge en Herbergh bij het Kerckhoff tot Stiens bij den verkoper selvs bewoont, op den 12 May 1753 vrij van huirjaren, bestaande in een grote benedenkamer, nog een grote benedenkamer, een kelder, bovenkamer, solderinge, kelderkamerke, grote stallinge met Put en Bak, en hovinge, belast met een halff floreen en 3 cargld. jaarlijkse grondpacht aan de Pastorie, gekocht inclusief “de Kroon off Kandelaar” foar 1990 carg. fan Tjeerd Pytters Hovinga en Sjoukjen Sipkes, man en frou te Stiens.
Op 12 maaie 1753 moatte keapers op taksaasjeûntfange de ‘Herbergiersgereedschappen en Drank, dog geen meer wijn als een anker’, (ensfh.). Neistlizzers: de feart eastlik, de Pastory westlik, Wytske Lieuwes c.s. besuden, ferkeapers sels noardlik.
1e procl. 16 dec. 1752. [LWL (proclb. Q 12), fol. 128]
1752 okt. 21: Sieds Johannis en Tjetie Tjeerds, e.l. te Beetgum, erkennen schuldig aan Tjeerd Pyters Hovinga en Sjoukjen Sipkes, e.l. tot Stiens, wegens koop van een herberg te Stiens, de somma van 1990 cargld.
Rojeard 1-6-1771. [LWL (hypb. V 25), fol. 202vo] {YB, DDO}
1757 maaie 12: Sies Johannis en Tjittie Tjeerds e.l. tot Stiens erkennen schuldig aan de bijzitter Gerben Johannis Rinkhoudt tot Marrum, de somma van 326 cargld. 4 st. wegens “geleverde distelatie”.
Rojeard 1-6-1771. [LWL V 25, fol. 103vo] {YB DDO}
GENERAASJE II
II.1 Johannes Sydses (Siedses) Boelstra * Stiens 29-1-1754 † dêr 11-3-1811 [] Stienzer tsjerke, boer en hynstehâlder te Stiens;
x Stiens 1-7-1787 Tytje Pieters * Stiens 20-11-1765 ~ op belidenis dêr 21-8-1796 † dêr 8-5-1857, dr f. Pieter Rein(d)ers, boer te Stiens, en Tietje Piers; Tytsy is in suster fan Sjouky (II.2).
17-11-1787: Johannes Sydses en Tjeerd Sydses binne neffens testamint fan [har beppe] Janke Pieters fan 9-11-1787 beneamd ta administratoaren en fersykje beneaming kuratoaren om skieding fan ’e boedel fan har mem en fan ’e noch net skeinde boedel fan Pieter Tjeerds. [LWL L 4, kl. #269][cf. GN 1972, 130]
Sjoch foar lânbesit fan ’e Boelstra’s ek: Kees Kuiken – Boelstra-Olivier Stichting 1952-1012 – ‘Alles in de beste staat van cultuur’, Prosopo Haren, 2012
Bern:
1 Tietje Johannes Boelstra * Stiens 16-7–1788 † dêr 15-1-1856;
x Stiens 13-5-1812 (achterneef en nicht) Binne Johannes Binnema * Koarnjum 24-4-1788 † Jelsum 21-12-1816, sn f. Johannes Binnes Binnema en Trijntje Doedes de Jong. Binne is in pakesizzer fan Binne Johannes, broer fan Syds Johannes (I)
Tytsy x 2e Ljouwerteradiel 8-1-1818 (neef fan har earste man) Doede Bavius Span * Ljouwert 18-10-1793 ~ dêr 6-11-1793 † Stiens 16-12-1854, hûsnr 175, 61 jier; boer te Stiens; sn f. Bavius Ruurds Span en Rinske Doedes de Jong
2 Janke Johannes Boelstra * Stiens 31-10-1790 ~ dêr 21-2-1790 † dêr 31-3-1851;
x Stiens 10-3-1811 Pieter Pieters Brouwers * Britsum 9-9-1792 † Stiens 27-3-1860, hûsnr 117, 67 jier; boer te Stiens p nr 117sn f. Pieter Pieters Brouwers, boer te Britsum, en Janke Jochums Luxen
3 Sieds Johannes Boelstra, folget III.1
4 Sjoukje Johannes Boelstra, * Stiens 16 juli 1797, † dêr 9 april 1868, tr. Ljouwerteradiel 6-6-1825 Pieter Tjeerds Boelstra (III.3)
Advertinsjes Leeuwarder Courant:
KENINGEN FAN IT STIENZER ÂLDLÂN
Yn syn roman Grûn en minsken hellet Reinder Brolsma de Boelstra’s oan:
Fan ’e Hegewei ôf lei wer in oar boerehiem op it gesicht, de súdhoeke yn dêr’t ien fan de oer-grutte en ferneamde Boelstra’s staach op wenne, de Aldlâns-keningen, mar ek wol fersile nei oare kriten ta.
En wa’t no dy kant útdikere seach in poer nijerwetsk reau, in dogkarre mei de stokken omheech, en in feint dy’t op ’e efterhûsstrjitte in rydhynder hoffene en roste. De sinne skynde fel op de âlde giele efterhûsmuorre; it joech suver ljocht werom, men koe hjirre wei de silen hingjen sjen en de hinnen weidzjen op ’e rûchskerne.
Mear nei foaren ta waarden skuorre en foarein wei yn heech âld beamte, mar no koe ommers elk fan tinken wol hawwe dt der yn de tsjernherne no de boer omstapte mei de rydjasse oan, en de boerinne de juwielen spjelden foarstiek, en dan jitris goed de spegel te baat naam, om har gnappe troanje te skôgjen ear’t hja de besite- of merkereis oangyngen nei hiem of herberch ta.
Men koe seis hynders om en by de klaverbak stappen sjen yn it skriele jisterke deun by it hiem, en dus witte, dat de pleats gâns bou hie en de hynders fûl yn it wurk sieten, en mûlk de oare moarns fjouwer oere alwer op ’e púndyk fottelen mei de ierdkarre efter it gat.
Boelstra-pleatsen
Yn 1940 stelt Jan Tjeerds Kerstma – hierder fan in Boelstrapleats oan ’e Sjeskedyk (nûmer 6 hjirûnder) ûnder Ljouwert – in list op fan pleatsen dêr’t Boelstra’s op buorkje, en gauris ek eigner fan binne.
1 Poelhuzen 1, Feinsum. Eigner: Johannes Tjeerds Boelstra.
2 Swaarderterp, Hoarnsterdyk 9, Stiens. Troch Lourens Johannes Olivier yn ’e Boelstrafamylje telâne kommen.
3 De Botermijn, Hoarnsterdyk 5, Stiens. Eigner en brûker: Johannes Johannes Boelstra (Jehannes de Jonge).
4 Hornezathe, Hoarnsterdyk 7, Stiens. Kerstma neamt dizze pleats it Boelstra’s Aldershûs. Eigner en brûker: Johannes Pieters Boelstra.
5 De Trije Dukatons by Ljouwert. Bebuorke troch Pieter Johannes Boelstra.
6 Pleats oan ’e Tsjessingawei (folksmûle: Sjeskedyk) ûnder Ljouwert, yn 1940 ôfbrutsen fanwegen de útwreiding fan it militêre fleanfjild. Eigner: Ruurd Johannes Boelstra.
7 Pleats oan ’e Truerderdyk 19, op it Stienzer Aldlân ûnder Stiens. Eigner en brûker: Bauke Siedses Boelstra.
8 Pleats oan ’e Truerderdyk 24, op it Stienzer Aldlân ûnder Stiens. Eigner en brûker: Minne Tjeerds Boelstra, letter Grietje Minnes Boelstra.
9 Pleats oan ’e Truerderdyk …, op it Stienzer Aldlân ûnder Stiens, dêr’t no Donia state is. Eigners: Ruurd Johannes Boelstra en Maaike Lourens Olivier.
10 Pleats oan ’e Truerderdyk 30, op it Stienzer Aldlân ûnder Stiens. Eigner Tjeerd Siedses Boelstra.
11 Pleats oan ’e Truerderdyk …, op it Stienzer Aldlân ûnder Stiens. Eigner: erven Ruurd Johannes Boelstra. (Hierders û.o: Johannes Kerstma en Lien Hoogland, fam. Langhout.
12 Pleats oan ’e Súdhoekstermiddelweg 1 ûnder Froubuurt. No Stâl De Hameren. Eigners en brûkers: Jan Siedses Boelstra en fam.
13 Pleats oan ’e Jislumerdyk 17, Burdaard. Eigner: Pieter Pieters Boelstra.
14 Pleats oan ’e Trijehoeksterdyk 7, Stiens. Eigner en brûker: Doede Pieters Boelstra. Letter hierders: fam. Zeinstra.
15 Pleats oan ’e Wurgedyk 1, Stiens. Brûker: Tamme Joutes Boelstra.
16 Pleats oan ’e Wurgedyk 14, Stiens. Eigner: Grietje Minnes Boelstra.
Sjoch ek foar lânbesit fan ’e Boelstra’s: Kees Kuiken, Boelstra-Olivier Stichting 1952-1012 – ‘Alles in de beste staat van cultuur’, Prosopo Haren, 2012.
II.2 Tjeerd Pytter Siedses Boelstra * Stiens 12-5-1762 ~ dêr 18-7-1762 † dêr 14-2-1848, kastlein en hynstefokker, boer op Truerd (no: Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân; hy is de earste fan seis generaasjes Boelstra op dit stee; Tseard keapet mei syn skoansuster Tytsy Piters dizze pleats yn 1824; Tseard en syn neisten hawwe sa’n 150 hektare yn eigendom, doe heel wat.
Tseard Sydses Boelstra keapet yn 1839 de pleats Mieddyk 5 te Hijum ûnder Stiens foar f 42.477,00; x Stiens 11-1-1789 Sjoukje Pieters * Stiens 3-2-1769 ~ dêr 21-8-1769 † dêr 27-2-1848, dr f. Pieter Reinders, boer te Stiens, en Tietje Piers; Sjouky is in suster fan Tytsy (II.1).
Bern:
1 Tietje (ek neamd Pietje) Tjeerds Boelstra * Stiens 1789 † dêr 17-12-1866, x Ljouwert 31-5-1812
Jan Baukes Lettinga ~ Froubuorren 25-8-1787 † dêr 13-2-1841, boer te Froubuorren, sn f. Bauke Piers Lettinga, boer te Froubuorren, en Rixtje Jans
2 Janke Tjeerds Boelstra x (achter neef en nicht)
Doede Johannes Binnema, boer te Koarnjum en Britsum (1852)
3 Sieds Tjeerds Boelstra, folget III.2
4 Pieter Tjeerds Boelstra, folget III.3
5 Johannes Tjeerds Boelstra, folget III.4
It oannimmen fan ’e namme Boelstra
Yn 1811 moast elkenien neffens it keizerlik dekreet fan 18 augustus 1811 (nr 7178, Bulletin des lois nr 387) fan keizer Napoleon in achternamme oannimme. Yn Fryslân wie der ien persoan dy’t de namme Boelstra oannaam: Tjeerd Sydses te Stiens. Syn âldere broer, Johannes Sydses (1754-1811) wie earder dat jier ferstoarn; ek dy syn sân bern komme yn ’e Boargerlike Stân foar mei de namme Boelstra. Har heit fierde dy namme al earder: yn 1765 brûkte Syds Johannes Boelstra (1720-1782/83) syn achternamme, mar yn ’e wannel komme hy en syn beide soannen meastentiids inkeld mei it patronym foar.
De namme is grif ûntliend oan ’e Boelesyl/Boelezijl, in slûs yn ’e binnendyk tusken Koarnjum en Jelsum, op it plak dêr’t de Koarnjumer feart of de Koarnjumer mar by dy dyk útkomt. (De namme Boelstra hat sadwaande neat te krijen mei Boelema State te Stiens.)
Yn 1711 keapje Johannes Sydses en Foockel Jans,e.l. tot Stiens, de heit fan Syds Johannes Boelstra, mei syn twadde frou, een huisinge en smitte tot Cornjum aan de binnendijck bij Boelezijl. (LWL Q8, 184)
Oannommen kin wurde dat dit binnendykje yn in griis ferline de wetterkearing west hat, foardat de Stienzer Hegedyk of Breedyk (dêr’t de tsjintwurdige dyk fan Ljouwert nei Stiens rint) oanlein waard. Dy is trouwens al tige âld, mooglik wol 800 à 1000 jier. De Boelesyl bleau neitiid yn wêzen as binnenslûs.
Rienks en Walther neamen de slûs yn har standertwurk Binnendiken en slieperdiken yn Fryslân (2 dielen, Bolswert 1954) ‘Buorsyl’, útsprutsen as Boesyl of Besyl, mei de klam op it twadde wurdlid. Yn 1679 komt de slûs foar as Boersyl (O.c. mei ferwizing nei Provinsjale Bibleteek. Hânskrift 1080). Op ’e kaart fan Wopke Eekhoff (1849-59) stiet Bornzijl, lykas by in soartgelikense slûs by Raard (Raarderhim). De skriuwwize Born suggereart dat it hjir giet om de útwettering fan it rivierke de Boarn, mar Rienks en Walther achtsje dat foar Raard al net oannimlik, wylst dy namme by Koarnjum grif net op dy wize ferklearre wurde kin. Buorsyl by Raard komt yn 1630 foar as Boerlazijll en Boerlzijl, en liket dus deselde namme as de slûs by Koarnjum (Rienks en Walther., o.c., Diel I, 272, en Diel II, 77). De auteurs melde dat de bekende taalkundige Dr Pieter Sipma har meidield hat, dat it earste lid gearhinget mei buorren; Sipma syn útlis wurdt ûnderskreaun troch de nammekundige Dr Karel Ferdinand Gildemacher. Beide slûzen lizze bûten it doarp; oannommen mei wurde dat de slûs troch de bewenners fan ’e buorren, de ynwenners fan it doarp, ûnderhâlden wurde moast.
De -l- soe tafoege wêze om de kombinaasje -rz/rs makliker útsprekke te kinnen (meidieling fan Dr K.F. Gildemacher oan mr J.T. Anema 11-1-2012; sjoch it lemma boerzijl yn Nieuwe Encyclopedie van Fryslân (De Gordyk/Ljouwert 2016, Diel I, 355).
It docht bliken dat der ûnderskate spuislûzen west hawwe, ornearre foar ôfwettering fan it lân nei de Middelsee, dy’t de namme Boerlezijl drage. Besuden fan it slúske ûnder Koarnjum stean trije húskes, fanâlds bewenne troch ambachtslju (kadastrale gemeente Jelsum, seksje B, nûmers 530, 531 en 531a en 532). It lêste, meast súdlike perseel (grut 6 are, 20 sintiare), wie yn 1832 eigendom fan ’e grofsmid Simme Johannes Binnema (1782-1860), pakesizzer fan Benne Johannes, smid te Koarnjum, en oerpakesizzer fan ’e keaper fan dy smidte yn 1711. Opmerklik dat de famyljeleden dy’t te Stiens en erges oars wenje, de namme Boelstra brûke, wylst de tûke dy’t yn ’t âlde smidshûs bleau te wenjen, de namme Binnema fiert, fan ’e foarnamme Binne of Benne.
Akte fan namme-oannimming, 28-12-1811: Tseard Sydses lit de namme Boelstra eins registreare: syn laach brûkte dy fan al lang:
It hynste-dekjild wûrdt ôfrekkene ûnder it hynstebier op ’e herberch fan Liuwe Vonk, hy hiert dy fan Tseard Sydses Boelstra (II.2).
Advertinsjes Leeuwarder Courant:
Tseard ferkeapet gersgewaaks by it Set oan ’e feart de Wurge:
Rouadvertinsjes:
III.1 Syds (Sieds) Johannes Boelstra, * Stiens 11-5-1791 † dêr 12-7-1836, soan fan II.1 Johannes Sydses Boelstra; boer te Stiens; administrearend earmfâd fan it Earmhûs te Stiens; 1e luitenant by it Kader der Officieren bij den Landstorm in Vriesland, 1e Register; x It Bilt 22-9-1822 Grietje Johannes Andringa * Froubuorren 17-11-1797 † Stiens 29-8-1839; boelguod op 14-10-1839 oan it stjerhûs oan ’e Buorren te Stiens (sjoch de advertinsje hjirûnder); dr fan Johannes Nammens Andringa, boer te Froubuorren, en Sjoerdje Sybes.
(Sjoch: Andringa Werkgroep, Andringa, Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, 1983.)
Bern:
1 Johannes Siedses Boelstra, folget IV.1
2 Sybe Siedses Boelstra * Stiens 26-9-1824
3 Sybe Siedses Boelstra, folget IV.2
4 Sjoerdje Siedses Boelstra * Stiens 23-2-1826, x Ljouwerteradiel 8-5-1844 Joute Dirks van der Werff * Koarnjum, sn f. Dirk Joutes van der Werf, boer te Koarnjum, en Baukje Brands de Jong.
Dizze Durk Joutes syn berteleppel (ynskripsje: Durk Joutes van der Werf is gebooren den 10 October 1792) is bewarre bleaun. Partikuliere kolleksje.
5 Pieter Siedses Boelstra * Stiens 24-2-1828
Advertinsjes Leeuwarder Courant:
III.2 Sieds Tjeerds Boelstra, * Stiens 22-9-1797 † dêr 2-8-1885, soan fan II.2 Tjeerd Pytter Siedses Boelstra; boer te Jelsum op Haersma state en op Truerd (Truerderdyk 19) op it Stienzer Aldlân; tsjerkfâd te Jelsum oant septimber 1854; x Ljouwerteradiel 26-6-1823
Maaike Baukes Lettinga ~ Froubuorren 3-10-1793 † 5-1-1867, dr f. Bauke Piers Lettinga, boer te Froubuorren, en Rixtje Jans.
Bern:
1 Tjeerd Siedses Boelstra * Haersma state te Jelsum 1817 † dêr 4-3-1847, sûnder berop
2 Rixtje Siedses Boelstra
3 Bauke Siedses Boelstra, folget IV.3
4 Rixtje Siedses Boelstra * Jelsum 30-12-1834 † Stiens 3-2-1907; boer op ’e Swaarderterp ûnder Stiens; x Ljouwerteradiel 25-6-1857
Lourens Jans Olivier * Jelsum 8-12-1831 † Stiens (hûsnr. 27) 2-8-1895, boer op ’e Swaarderterp ûnder Stiens; 1864 lid gemeenteried fan Ljouwerteradiel; 1878-† kommissaris departemintsspaarbank/Nutsspaarbank Stiens, 1879-1889 fise-foarsitter 1e ôfdieling (kanton Ljouwert) Friesche Maatschappij van Landbouw en Veeteelt, 29-9-1888 mei-oprjochter en bestjoerslid Coöperatieve Zuivelfabriek Stiens, sn f. Jan Lourens Olivier, boer te Jelsum, en Grietje Jetses Bottinga.
(Sjoch: Jhr. M.J. van Lennep, Olivier, Genealogysk Jierboekje, Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, 1967)
5 Sjouke Siedses Boelstra † jong
6 Jan Siedses Boelstra † jong.
Fan Siids Tseards Boelstra (III.2) is de geboarteleppel bewarre. Partikuliere kolleksje.
Ynskripsje: Sieds Tjeerds Boelstra geb. 22 Sept. 1797. Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Goud en sulver erfgoed – Kolleksje Boelstra-van der Werf(f)
III.3 Pieter Tjeerds Boelstra * Stiens 28-11-1799, soan fan II.2 Tjeerd Pytter Siedses Boelstra; boer te Stiens; kommittearde Stienzer Polder; x Ljouwerteradiel 6-6-1825 (neef en nicht)
Sjoukje Johannes Boelstra * Stiens 16-7-1797, dr f. Johannes Siedses Boelstra (II.1), boer, en Tietje Pieters
Bern:
1 Tjeerd Pieters Boelstra
2 Johannes Pieters Boelstra, folget IV.4
3 Sjoukje Pieters Boelstra, x
Klaas Jetses Sinnema
Advertinsje Leeuwarder Courant:
III.4 Johannes Tjeerds Boelstra * Stiens 22-6-1811 † dêr 25-12-1846, soan fan II.2 Tjeerd Pytter Siedses Boelstra; boer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân
x Ljouwerteradiel 9-6-1836
Ytje Pieters Brouwers * Stiens 13-2-1817 † dêr 4-11-1879, dr f. Pieter Willems Brouwers, boer,
en Grietje Joutes van der Werff. (Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Brouwers en Genealogy Van der Werff)
Bern:
1 Pieter Johannes Boelstra, folget IV.5
2 Grietje Johannes Boelstra * Stiens 29-4-1841 † Jelsum 22-8-1908, x Ljouwerteradiel 7-5-1863 (har achterneef, sjoch II.1.1) Rindert Jans Keestra * Jelsum 17-4-1839 † Koarnjum 11-11-1927, bouboer te Jelsum, sn f. Jan Rinderts Keestra, boer, en Tietje Binnes Binnema
3 Tjeerdje Johannes Boelstra * Stiens 12-12-1843 † 30-1-1915, x Ljouwerteradiel 7-5-1863 Pier Pieters de Boer
4 Tjeerd Johannes Boelstra, folget IV.6
GENERAASJE IV
IV.1 Johannes Siedses Boelstra, soan fan III.1 Syds (Sieds) Johannes Boelstra; x Ljouwerteradiel 29-5-1851
Trijntje Dooitzes Damstra, dr f. Do(o)itze Fransen Damstra en Trijntje Wiemers van der Woude.
Bern:
1 Aaltje Johannes Boelstra, x Gjalt Andries van der War
2 Sieds Johannes Boelstra
3 Trijntje Johannes Boelstra * 1854, x Ferwerteradiel 7-6-1877 Hendrik Sjoerds de Walle, s. f. Sjoerd Hendriks de Walle, en Ytske Jans Hogendijk
4 Grietje Johannes Boelstra * 23-1-1856, x It Bilt 13-5-1875 Ype du Houx, sn f. Christiaan Carel Lochnaars du Houx en Fijke Zijlstra
5 Gelbrig Johannes Boelstra * 1857, x Ljouwerteradiel 29-5-1879 Adam Feddes Sonnema, sn f. Fedde Adams Sonnema en Rienskje Gerbens Douma
6 Sjoerdje Johannes Boelstra
7 Sieds Johannes Boelstra, folget V.1
8 Sjoerdje Johannes Boelstra
9 Sjoerdje Johannes Boelstra* 1868, x Ljouwerteradiel 22-4-1886 Frouke Jans Hiemstra, sn f. Jan Thomas Hiemstra, en Catharina Elisabeth Bosch.
IV.2 Siebe (Sybe) Siedses Boelstra, * Stiens 1825 † Ljouwert 4-3-1916, soan fan III.1 Syds (Sieds) Johannes Boelstra; boer te Berltsum; x Ljouwerteradiel 1-5-1851
Tjitske Rinderts Keestra, dr f. Rindert Jans Keestra, boer, en Truike Jacobs van Broek.
Bern:
1 Geertruida (Truike) Siebes Boelstra * Berltsum 1-2-1852 † Ljouwert 3-8-1931, x It Bilt 20-5-1875 Doede Sipkes Bouma * Froubuorren 24-11-1849 † St.-Jabik 24-6-1935, boer te Froubuorren, sn f. Sipke Pieters Bouma, boer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren, en Rinske Doedes Span. Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Rindertje Bouma
2 jonkje Boelstra * en † Berltsum 2-4-1854
3 Grietje Siebes Boelstra * Berltsum
4 Grietje Siebes Boelstra * Berltsum 31-3-1859 † Ljouwert 30-5-1925, x It Bilt 12-5-1880
Auke Piers Algera * Ljouwert, sn f. Pier Aukes Algera, boer, en Klara Tjisses Koldijk.
5 Sieds Siebes Boelstra, folget V.2
Dizze letterlape keapet Sjouk Boelstra (VI.3.1) út de ynboedel fan Ritske Tjeerds Velstra, feefokker en pikeur op Amarilla ûnder Marsum. It jiertal ûnder de namme G. Boelstra is 1868. Dat is tink Gryt Sybes Boelstra (IV.2.4), dy is njoggen as se dit borduerstik makket. Har dochter Clara Aukes Algera trout mei Rindert Jarigs Palsma, dochter Gryt trout mei Ritske Velstra en sa is dy lape dêr kommen. Hoe is Gryt Boelstra dêr dan wer famylje fan? No, dy is troud mei Auke Piers Algera, en dat binne de pake en beppe fan Auke hjirboppe.
Mei tank oan Pieter Sipke Bouma, Baukje de Jong-Koopal en Anne Sjouk Koopmans.
Dit erfstik is troch Anne Sjouk Koopmans skonken oan Erfgoed Fundaasje.
IV.3 Bauke Siedses Boelstra * Jelsum 24-8-1829 † Stiens 11-4-1903; soan fan III.2 Sieds Tjeerds Boelstra; eigenerfd boer op Truerd ûnder Stiens, hynstefokker; Bauke Sydses hat in rinbaan by syn pleats oan ’e Truerderdyk 19; tsjerkfâd te Stiens; kommittearde Brandwaarborg Maatschappij van Menaldumadeel en Noorden van Leeuwarden en Leeuwarderadeel; kommittearde wetterskip Groote Oudlandsch Polder ûnder Stiens; x Ljouwerteradiel 11-5-1853
Jetske Jacobs Kalma * Marsum 15-7-1831 † Stiens 28-9-1906, dr f. Jacob Jetzes Kalma, boer te Marsum, letter te Jorwert, en Fetje Sipkes Feikema (Feikens).
Bern:
1 Sieds Baukes Boelstra * Stiens 10-1-1855 † dêr 20-12-1861
2 Fettje Baukes Boelstra * Stiens 8-2-1859 † dêr 29-9-1926, x Ljouwerteradiel 6-5-1882
Jetze Ælzes Sinnema * Hallum 18-5-1857 † Stiens 18-5-1932, boer te Stiens, sn f. Ælze Jitses Sinnema, boer te Hallum, en Aafke Hiddes Hoekstra.
3 Sieds Baukes Boelstra, folget V.3
4 Jacob Baukes Boelstra, folget V.4
Sjoch foar mear ynformaasje oer dit pear en har neiteam: S. Kok-Draijer, Kalma, Het voor- en nageslacht van Dirk Karstes Kalma en Akke Jetzes Wobma, Deel I en II, ISBN 90-9006206-8, Drachten, 1993
IV.4 Johannes Pieters Boelstra * Stiens 8-8-1831 † dêr 30-4-1894 [] dêr; soan fan III.3 Pieter Tjeerds Boelstra; boer te Stiens; eigener herberch De Smalle Brug dêr; wennet te Ljouwert 1857-1873; mei-oprjochter en bestjoerslid sûnt de oprjochting yn 1888 fan ’e Coöperatieve Zuivelfabriek Stiens; x Ljouwerteradiel 18-5-1854 Neeltje Ruurds van der Werf * Stiens 31-8-1830 † dêr 29-7-1903 [] dêr, Neeltsy borduert yn 1899 yn boekfoarm in koarte genealogy fan ’e famylje Van der Werf en de Boelstra’s mei oantrouden; dr f. Ruurd Joutes van der Werf, boer op it Tichelwurk ûnder Stiens, en Rixtje Meiles Miedema.
Fan Neeltsy is de geboarteleppel bewarre, sjoch Erfgoed Fundaasje – Sulveralfabet – W
Jehannes Pieters Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Weard, Ljouwert.
Neeltsje Ruerds van der Werf. Foto: C.B. Broersma, Willemskade Noard Side F 12, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Bern:
1 Pieter Johannes Boelstra, folget V.5
2 Ruurd Johannes Boelstra, folget V.6
3 Joute Johannes Boelstra, folget V.7
4 Tjeerd Johannes Boelstra * Ljouwert 2-1-1866 † Reade See, oan board fan S.S. ‘Tabanan’ fan ’e Rotterdamsche Lloyd [] seemansgrêf Reade See; stúdzje medisinen Ryks Universiteit Grins, nei sechstjin jier sûnder bull ophâlden; lid studintecorps Vindicat; bestjoerslid studinte-iisklub ‘Doe wel en zie niet om’; skipsarts
As bestjoerslid fan ’e studinte-iisklub ‘Doe wel en zie niet om’ set Tseard Boelstra op 8 febrewaris 1887 in reedriderswedstriid mei op tou. Op ’e foto is er wierskynlik de studint mei bolhoed sûnder snor. De oare mannen mei bolhoed sille syn konfrater-bestjoersleden wêze: Abraham Hesselink (mei snor) en Henricus Albertus Molema.
Yn it earste rydtúch sitte fierders de winner Wiebe de Vries (mei swarte mûtse en blommen yn ’e hân) en Jelte Binnes van der Meer (mei pet en sigaar). Yn it twadde rydtúch mooglik de starter en pommeranten fan ’e universiteit of fan ’e ‘IJsvereeninging Groningen’, op waans baan de wedstriid plak hie.
Foto: Johannes Gerardus Kramer (1845-1903), Grins. Blykber de fêste fotograaf fan ‘Vindicat’, want op ’e achterkant fan dizze en oare foto’s is fan syn hân it ynsynje fan ‘Vindicat’ te sjen. Boarne: Rinse van den Berg
Achterkant mei de hantekening fan Tseard Boelstra en syn mei-bestjoerders
5 Johannes Johannes Boelstra * 1867
6 Johannes Johannes Boelstra * 27-10-1868, folget V.8
7 Sjoukje Johannes Boelstra * Ljouwert 6-5-1871 † 27-4-1946 [] Heemstede; x Ljouwerteradiel 10-5-1890
Mattheus Bernard Hoogeveen * Gythoarn 28-9-1863 † Haarlem 5-5-1941 [] Heemstede; haad Iepenbiere Skoalle Stiens 1888-1894, idem Hagenpoortskoalle Dimter 1894-1900, learaar Normaalskoalle Ynskede 1900-1903, idem Utert 1904-1910, direkteur. Rykskweekskoalle Leien 1910-1924; betinker fan it lêsplankje Aap Noot Mies.
Soan Douwe x (neef en nicht) Neeltje Johannes Boelstra (V.8.3)
Sjoukje Jehannes Boelstra. Foto: L.M. de Rijk, Oudegracht 96 W.Z., Utrecht.
Foto’s yn dit skift skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Mattheus Bernard Hoogeveen. Foto: S. Goudsmit, Langestraat, Enschedé en Drienerstraat, Hengelo (O)
IV.5 Pieter Johannes Boelstra * Stiens 13-4-1839 † dêr 10-4-1904; soan fan III.3 Pieter Tjeerds Boelstra; 1863-1872 boer op in nij-boude stjelp oan ’e Feinsumerfeart op it Aldlân ûnder Stiens te Hijum (A 717, no Mieddyk 8); kommittearde Steenhuister (ek Steenhuisder) Polder; bestjoerslid Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Bartlehiem sûnt de oprjochting yn 1893; x Ljouwerteradiel 5-6-1862 Janke Pieters Brouwers * Stiens 21-3-1842 † dêr 25-10-1891, dr f. Pieter Pieters Brouwers, boer te Hijum (nr 173, no Mieddyk 5) ûnder Stiens, en Sjoukje Doedes Binnema.
Piter Piters Brouwers lit te Hijum (A 717) in nije stjelp bouwe dêr’t syn âldste dochter Janke en har man Piter Jehannes Boelstra op komme. Piter Brouwers wurdt neamd as lâneigner ûnder Stiens. Hy lit ûnder Stiens de terp oan ’e westkant fan ’e pleats Hijum A 710 ôfgrave (no Mieddyk 5, Hijum).
Mei tank oan Jouke Entjes van der Ende, Hijum.
Piter Jehannes Boelstra (IV.5) en Janke Piters Brouwers. Kolleksjes Boelstra-Noordenbos en T.H. Lettinga-Brouwers
Bern:
1 Johannes Pieters Boelstra, folget V.9
2 Pieter Pieters Boelstra, folget V.10
3 Tjeerd Pieters Boelstra, folget V.11
4 Doede Pieters Boelstra, folget V.12
5 Sjoukje Pieters Boelstra * Stiens 5-2-1870 † Wânswert 23-8-1923, x Westdongeradiel 16-5-1895
Hessel Annes de Groot * Holwert 20-3-1865 † 6-7-1933, sn f. Anne Tietes de Groot, boer te Holwert, en Janke Hessels Jensma
Sjoukje Boelstra en Hessel de Groot. Foto’s: De Jong, Ljouwert, en J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
6 Ytje Pieters Boelstra * Stiens 27-1-1873 † Burdaard 30-5-1906, x Ljouwerteradiel 8-5-1897
Jan Doekes Oostra * Wurdum 2-4-1868 † Ljouwert 1-2-1949, boer te Stiens en Burdaard, sn f. Doeke Jolts Oostra, boer op de Him ûnder Wurdum (1862-’77), dêrnei yn it Weidumer Nijlân, en Durkje Jans de Boer; Jan Doekes x 2e Ljouwert 16-5-1911 Froukje Tromp * Wâldsein 15-10-1870 † Oosterbeek 24-3-1955, dr f. Leeuwke Ages Tromp en Tjaltje Klazes Breeuwsma
(Sjoch: Jolt R. Oostra – Familieboek Oostra-Stienstra -Voorouders en nageslacht van Jochum Wijbrens, eigen behear, Drachten, 1976)
7 Libbenleas soantsje Stiens 15-1-1880
8 Grietje Pieters Boelstra * Stiens 31-3-1881, x Ferwerteradiel 9-5-1906 Dirk Willems de Vries * Aldtsjerk 25-10-1882, sûnt 1906 boeren op Grut Hikkaard ûnder Burdaard; sn f. Willem Gaatzes de Vries en Atje Jitzes van der Heide.
Fan Gryt is in letterlape bewarre, dateard 1893. Sjoch rjochts hjirûnder. Borduerguod, kleedsjes, kastfersieringen, klean. Ut partikuliere kolleksje skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Noordenbos
Bern en oantrouden fan Piter Jehannes Boelstra (IV.5) en Janke Piters Brouwers:
Achter f.l.n.rj.: Jehannes Piters Boelstra, Hessel de Groot, Tseard Piters Boelstra, Doede Pieters Boelstra.
Foar f.l.n.rj.: Sjoukje Tjipkes Noordenbos, Sjoukje Piters Boelstra, Antsje Willems Noordenbos, Noentsje Baukes Letttinga, Rinske Piters Bouma
Gryt Boelstra en Durk de Vries. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
IV.6 Tjeerd Johannes Boelstra * Stiens 6-12-1846 † dêr 27-7-1900; soan fan III.3 Pieter Tjeerds Boelstra; boer op Truerd (no: Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân, x Ljouwerteradiel 20-5-1869 Trijntje Minnes Andringa (Nynke) * Menaam 29-1-1849 † Stiens 30-6-1912, dr f. Minne Aans Andringa, boer te Menaam, en Christine Jacobs Twijnstra.
Bern:
Johannes Tjeerds Boelstra, folget V.13
Minne Tjeerds Boelstra, folget V.14
Geboarteleppel fan Nynke Andringa. Sjoch Erfgoed Fundaasje – Sulver erfgoed
Tseard Jehannes Boelstra en Nynke Minnes Andringa
GENERAASJE V
V.1 Sieds Johannes Boelstra, * Stiens 11-1-1852; soan fan IV.1 Johannes Siedses Boelstra; boer te Stiens, x Ljouwerteradiel 22-5-1880
Baukje Sybrens Andringa * Koarnjum 21-9-1849, dr f. Sybrens Aans Andringa, boer te Koarnjum, en Baukje Pieters Terpstra.
Bern:
1 Johannes Siedses Boelstra * Stiens 1-8-1880, folget VI.1
2 Frouke Siedses Boelstra * Hantum 7-3-1891
3 Frouke Siedses Boelstra * Hantum 1892, x Westdongeradiel 20-4-1918
Hiltje Gosses Heeringa, dr f. Gosse Rienks Heeringa en Klaaske Johannes Glas.
V.2 Sieds Siebes Boelstra * 1863 † Stiens 2-3-1948 [] Stiens; soan fan IV.2 Siebe (Sybe) Siedses Boelstra; boer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren en op ’e Swaarderterp op it Stienzer Aldlân, x
Sjoukje Jans Postma * Stienzer Aldlân 28-12-1869 † 27-8-1961 [] Stiens, dr f. Jan Gerrits Postma, boer op it Stienzer Aldlân, en Tietje Pieters Brouwers.
Dit is neffens de fotokolleksje fan Rindertje Bouma te Ljouwert in Sieds Boelstra. Is dit Sieds Siebes (V.2), of Sieds Jehannes * 1852 (V.1)? Of Sieds Baukes * 1863 (V.3)? Of noch in oare Sieds? Wa wit it?
Bern:
1 Siebe Siedses Boelstra, folget VI.2
2 Jan Siedses Boelstra, folget VI.3
Sieds Siebes Boelstra, Jan, Sjouky Jans Postma en Siebe. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland
Sieds Siebes Boelstra en Sjouk Jans Postma, op ’e trouwerij fan Jetske Boelstra en Jentsje Hoogland yn 1942; foto nommen foar har hûs oan ’e Langebuorren te Stiens (letter wenje hjir Doede Bouma en Sytske Bearts Jensma; meidieling fan P.S. Bouma)
As Sjouk Postma 76 jier is, krijt se in lokwinsk fan in muoikesizzer, op rym. Wa’t dy muoikesizzer is, hawwe wy noch net achterhelle. Erfgoed Fundaasje besiket dat út te sykjen. Kurieus is dat de pleatsen dêr’t Sjouk wenne hat by de lokwinsk tekene binne, en frij sekuer: Aldlân, Britsum, Súdhoek en it boargerhûs oan ’e Breedyk te Stiens. (Kolleksje Erfskip Jan Sibes Boelstra; skonken oan Erfgoed Fundaasje.)
V.3 Sieds Baukes Boelstra * Stiens 10-7-1863 † Ljouwert 27-10-1930 [] Stiens; soan fan IV.3 Bauke Siedses Boelstra; boer te Froubuorren en Stiens, x It Bilt 8-5-1886
Bregtje Meinderts Porte * Froubuorren12-10-1864 † Ljouwert 20-7-1929 [] Stiens, dr f. Meindert Jans Porte, boer te Froubuorren, en Aaltje Dirks Bruinsma.
Bern:
1 Aaltje Siedses Boelstra * Froubuorren 17-2-1887 † It Hearrenfean 12-8-1976, x Ljouwerteradiel 18-12-1909
Jacob Zijp * Beemster 4-4-1876 † Bloemendaal 9-10-1955, sekretaris Wetterskip Beemster, korrespondint Nederlandsche Bank, sn f. Klaas Zijp en Antje Schuitemaker.
2 Bauke Siedses Boelstra * Stiens 21-4-1891 † Tytsjerk 21-2-1969, boer op Truerd (Truerderdyk 19) op it Stienzer Aldlân 1916-1961, x Ljouwerteradiel 10-5-1916
Richtje Ruurds Osinga * Tytsjerk 18-10-1891 † dêr 9-1-1966, dr fan Ruurd Doekeles Osinga, greidboer, en Geertje Arjens Rienks.
V.4 Jacob Baukes Boelstra * Stiens 25-12-1866 † Seist 13-5-1928; soan fan IV.3 Bauke Siedses Boelstra; keapman, x Ljouwerteradiel 16-5-1889
Hendrikje Eeltjes Borger * Froubuorren 14-6-1862 † Ljouwert 22-10-1921, dr f. Eeltje Borger en Trijntje Dijkstra.
Bern:
1 Bauke Jacobs Boelstra, folget VI.4
2 Eeltje Jacobs Boelstra * Hallum 23-11-1892 † Kúnre 13-12-1898
3 Jetske Jacobs Boelstra * Hallum 31-5-1896 † Voorburg 24-6-1967, x Arnhem 22-5-1919
Emmericus Carel Willem Adriaan Geuze * Nijmegen 13-5-1894 † Voorburg 23-5-1988, kolonel sjeny, sn f. Abraham Geuze, learaar wiskunde, en Colina Levina Koole.
Jabik Baukes Boelstra (V.4) en Hinke Borger
Jetske Boelstra (V.4.3) en Emmericus Geuze
V.5 Pieter Johannes Boelstra * Stiens 28-8-1855 † Ljouwert 5-7-1883, soan fan IV.4 Johannes Pieters Boelstra; 27 jier; boer op De Trije Dukatons by Ljouwert, x Ljouwerteradiel 11-5-1878 Sytske Tjeerds Lettinga * Stiens 8-3-1858 † Ljouwert 18-7-1886, 28 jier; as widdo boerinne te Ljouwert; dr f. Tjeerd Jans Lettinga, boer te Stiens, en Saapke Pieters Brouwers.
Piter Jehannes Boelstra en Sytske Tseards Lettinga. Foto’s: D. Deinema, Stiens. Deselde foto fan Piter ek: J.H. Slaterus, Ljouwert. Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Bern:
1 Neeltje Pieters Boelstra * Ljouwert 3-7-1880 † dêr 6-4-1881, 9 moanne
2 Neeltje Pieters Boelstra * Ljouwert 1-2-1882 † Stiens 4-1-1894, hûsnr 200, 11 jier, neffens famyljeoerlevering oan ’e Spaanse Gryp
Neeltsy Boelstra steand achterhûs te Stiens; links: G. Terpstra (letter troud mei Attema) en Sj. Slager (letter troud mei J. van Kampen). Skonken oan Erfgoed Fundaasje troch A.A. Schuiling-Beintema, St.-Anne – Kolleksje Boelstra-van der Werff
Borduerwurk fan Neeltsy Boelstra, ynliste troch har muoikesizzer Sytske Neeltje Heidema-Boelstra (VI.5.2)
Skonken oan Erfgoed Fundaasje troch A.A. Schuiling-Beintema, St.-Anne – Kolleksje Boelstra-van der Werff
3 Johannes Pieters Boelstra, folget VI.5
V.6 Ruurd Johannes Boelstra * Ljouwert 16-11-1858 † dêr 1-1-1931 [] Jelsum; soan fan IV.4 Johannes Pieters Boelstra; boer oan ’e Tsjessingawei (Sjeskedyk) ûnder Ljouwert; sûnder berop dêr oan ’e Stienzerwei 59 (letter 17); bestjoerslid wetterskip Het Leeuwarder Oud- en Nieuwland; x syn nicht
Maaike Lourens Olivier * Jelsum 27-12-1860 † Ljouwert 28-12-1944 [] Jelsum, dr f. Lourens Jans Olivier, boer te Jelsum, en Rixtje Siedses Boelstra (III.2.4)
De pleats oan ’e Sjeskedyk ferhiere de Boelstra’s sûnt 1907 oan Jan Johannes Kerstma en Hielkje Harms Oosten; sûnt 1916 oan Tjeerd Johannes Kerstma en Hæbeltje Jans van der Meulen; sûnt 1926 oan Jan Tjeerds Kerstma en Janke Johannes Anema; yn 1940 wurdt it spul ôfbrutsen troch de Dútse Wehrmacht fanwegen útwreiding fan it militêr fleanfjild.
Ruerd Jehannes Boelstra en Maaike Lourens Olivier. Foto’s: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.4, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Bern:
1 Lourens Ruurds Boelstra, folget VI.6
2 Rigtje (ek Richtje) Ruurds Boelstra * Jelsum 30-10-1887 † 1979 x Ljouwert 6-4-1911 [] Wassenaar-grêfkelder St.-Anne, x Ljouwert 6-4-1911 Arjen Nannes Wassenaar (broer fan Jan V.8.2) * St.-Jabik 3-8-1888 † 1968 [] Wassenaar-grêfkelder St.-Anne; feefokker te Stiens, sn f. Nanne Arjens Wassenaar, feefokker te St.-Jabik, en Antje Atzes Hoekstra.
Richtsje Ruerds Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.14, Ljouwert
Foto’s yn dit skift skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Richtsje Ruerds Boelstra en Arjen Nannes Wassenaar. Foto’s: M. Büttinghausen, Spui 15, Amsterdam.
Jehannes Piters Boelstra, Arjen Nannes Wassenaar, Fokke Nannes Wassenaar, en
Anne Boelstra-van der Werf, Richt Wassenaar-Boelstra, Maartsy Wassenaar-Bonnema.
Foto: Snel-Photographie; Oranje Galery 59, Skeveningen
V.7 Joute Johannes Boelstra * Ljouwert 29-5-1862; soan fan IV.4 Johannes Pieters Boelstra; boer op Horne Zathe ûnder Stiens; bestjoerslid Stoomzuivelfabriek Stiens; x Ljouwerteradiel 9-5-1885
Rigtje Tammes Keestra * Huzum 1859, dr f. Tamme Rinderts Keestra, boer, en Tjeertje Douwes van der Slot.
Bern:
1 Johannes Joutes Boelstra, folget VI.7
2 Tamme Joutes Boelstra, folget VI.8
V.8 Johannes Johannes Boelstra * Ljouwert 27-10-1868 † Ljouwert 30-10-1947 [] Stiens; soan fan IV.4 Johannes Pieters Boelstra; neamd nei syn heit, wurdt ‘de jonge Jehannes’ neamd; fee- en hynstefokker op Sate De Botermijn (Harnsterdyk 8) te Stiens, sûnt 1945 te Ljouwert; eigner fan ’e pleatsen Swaarderterp en Horne Zathe (Harnsterdyk 7); gemeenteriedslid fan Ljouwerteradiel foar de Vrijheidsbond 1897-1905; mei-oprjochter, bestjoerslid en foarsitter fan N.V. Friesche Sportclub (eksploitant fan ’e Wilhelminabaan te Ljouwert); stiet as biljerter bekend as ‘de leeuw van Leeuwarden’; x Ljouwerteradiel 10-12-1885 (neef en nicht)
Grietje Lourens Olivier * Jelsum 29-9-1866 † Stiens 24-7-1932 [] Stiens, dr f. Lourens Jans Olivier, boer te Jelsum, en Rixtje Siedses Boelstra (III.2.3)
Bern: sjoch hjirûnder.
Jehannes Jehannes Boelstra, ‘de jonge Jehannes’. Foto: De Jong, Nijstêd, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Bern fan Jehannes Boelstra en Gryt Olivier:
1 Pieter Johannes Boelstra* Ljouwert 24-12-1885 † dêr 29-12-1885
2 Rigtje (ek Richtje) Johannes Boelstra * Stiens op Sate De Botermijn 7-9-1893 † Ljouwert 26-4-1969 [] Wassenaar-grêfkelder St.-Anne; oplieding Middelbare Meisjes School Ljouwert, kostskoalle Lausanne, ‘Fininshing school’ Ingelân; is allyksa tekenares, krijt les op ’e keunstakademy Minerva te Grins fan ’e Grinzer bisteskilder Otto Eerelman; tekener, fotograaf en sineast; tekenet en filmet foar it F.R.S. (û.o. de wittenskiplike brosjuere Friesch vee: topografie en geraamte).
Feefokker op Vijverzathe te Jelsum; reizget dêrfoar û.o. nei Frankryk, Feriene Steaten, Súd Afrika en Argentinië; krijt besite yn dat ramt fan it keninklik hûs en de Sjah fan Perzië; ridder yn ’e Oarder fan Hamayûn (3e klasse) fan Iran; ridder Orde van Oranje-Nassau.
Richt en Jan Wassenaar-Boelstra fokke preferinte bollen en sette dêrmei de promoasje yn fan it Frysk fee oer de hiele weareld. Lykwols set har oanpak datselde Fryske fee slim op achterstân en liedt dy de ûndergong yn fan it Fryske stamboekfee.
Richt rjochtet yn 1952 mei har suster Neeltsy – ‘de dames Wassenaar’ – de Boelstra-Olivier Stichting op, sponsor foar keunst en kultuer (de opkeamer fan De Botermijn docht tsjinst as regintekeamer).
Sjoch:
–Boelstra Olivier Stichting
-Kees Kuiken – Boelstra-Olivier Stichting 1952-1012 – ‘Alles in de beste staat van cultuur’, Prosopo Haren, 2012
-Reimer Strikwerda – Een eeuw Fries stamboekvee, Friesch Rundvee Stamboek, Ljouwert, 1979
-Reimer Strikwerda – Koeien in weiden van de lage landen
-Reimer Strikwerda – Melkweg 2000
-Reimer Strikwerda – Koers Van Koeien
-Wikipedia: Rigtje Wassenaar-Boelstra.
-Dokumintêre oer Richtsje Wassenaar-Boelstra, Omrop Fryslân
–Friesland I, 1959 – film fan Rigtje Wassenaar-Boelstra, mei û.o. besite fan ’e Sjah fan Perzië oan Vijverzathe
–Vorstelijk bezoek aan Friesland, 1959 – film fan Kleare Kimen yn opdracht fan it Friesch Paarden-Stamboek, mei û.o. besite fan ’e Sjah fan Perzië oan Vijverzathe.
Richt x Ljouwerteradiel 26-4-1916
Jan Nannes Wassenaar (broer fan Arjen V.6.2) * Ljouwert 2-4-1890 † Amsterdam 25-11-1958 [] Wassenaar-grêfkelder St.-Anne; meisyn frou feefokker op Vijverzathe te Jelsum, foarsitter Coöperatieve Zuivelfabriek Jelsum; foarsitter fan ’e Bond van Coöperatieve Zuivelfabrieken in Friesland (1941-’45, 1947-’51, 1954-’55); foarsitter fan it Friesch Rundvee Stamboek (1944-’58); lid fan fertsjinste fan ’e Bond van Coöperatieve Zuivelfabrieken; officier yn ’e Orde van Oranje-Nassau, officier Merite Agricola; 1960 plakette ta syn neitins yn it eardere F.R.S.-Hûs te Ljouwert; sn f. Nanne Arjens Wassenaar, feefokker te St.-Jabik, en Antje Atzes Hoekstra.
3 Neeltje Johannes Boelstra * Stiens 24-5-1902 † Seist 20-10-1983 [] Heemstede, oplieding Middelbare Meisjesschool Ljouwert, kostskoallen yn bûtenlân; x Ljouwerteradiel 16-7-1931 (neef en nicht)
Douwe Mattheus Hoogeveen * 4-3–1891 † 1976 † Haarlem 17-10-1976 [] Heemstede, literêr dr Leiden 1925; learaar âlde talen en keunstskilder te Haarlem, sn f. Mattheus Bernard Hoogeveen, skoallehaad te Stiens, idem Deventer, learaar Enschede, idem Utrecht, idem Rykskweekskoalle Leiden; betinker fan it lêsplankje Aap-Noot-Mies, en Sjoukje Johannes Boelstra (IV.4.7).
Richtsje en Neeltsje Boelstra. Foto’s: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.14, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
V.9 Johannes Pieters Boelstra * Stiens 14-11-1863 † Lekkum 15-3-1931; soan fan IV.5 Pieter Johannes Boelstra; 1888-1898 boer te Hijum ûnder Stiens (no Mieddyk 9) en sûnt 1898 te Lekkum; bestjoerslid sûnt de oprjochting yn 1889 fan ’e Stoomzuivelfabriek Stiens; x Ljouwerteradiel 1-5-1886
Antje Willems Noordenbos * Hallum 12-5-1865 † Ljouwert 28-7-1940, dr f. Willem Ulbes Noordenbos, boer te Hallum, en Fetje Jetzes Kalma.
Bern:
1 Pieter Johannes Boelstra, folget VI.9
Piter en Fetsje Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
2 Fetje Johannes Boelstra * Stiens 18-4-1888 † Berltsum (Berlingahiem) 5-3-1987, x Ljouwerteradiel 9-5-1909
Doeke Roelofs Oostra * Weidum 31-7-1887 † It Hearrenfean 15-8-1960, boer te Driezum, sûnt 1930 kafeehâlder te Gersleat, en fersekeringsynspekteur te Tsjalbert, sn f. Roelof Jolts Oostra, boer te Weidum, en Berber Minnes Dijkstra
(Sjoch: Jolt R. Oostra – Familieboek Oostra-Stienstra -Voorouders en nageslacht van Jochum Wijbrens, eigen behear, Drachten, 1976)
Beppesizzer Hinke Visser-Oostra, dochter fan Fetsje Boelstra en Doeke Oostra, op ’e tekst oer har pake en beppe Boelstra-Noordenbos en oare sibben
3 Janke Johannes Boelstra * Stiens 29-3-1890 † dêr 9-7-1891
4 Janke Johannes Boelstra * Stiens 15-8-1894 † Ljouwert/Stiens 16-3-1981 [] Wyns; x 1e Ljouwerteradiel 27-4-1918, houlik ûntbûn Arrondissemintrjochtbank Ljouwert 25-9-1930 Heert Wiebren Sybesma * Aldeouwer 8-10-1889, greidboer oan ’e Wânswerterdyk ûnder Wânswert, sn f. Anne Sybesma, greidboer te Haskerdiken, en Richtje Walstra; Janke x 2e Ljouwerteradiel 24-3-1934 Sake Idses Koostra * Damwâld 15-4-1887 † Giessen (Dútslân) 1-8-1957 (yn fakânsje ferûngelokke) [jiske] Wyns, yn 1934 feekeapman te Dokkum, letter oan ’e Stienzer Hegedyk ûnder Stiens, widner fan Johanna Prins, sn f. Ids Sakes Koostra en Pieterke Harmens Luurs
Op it tsjerhôf te Wyns
5 Sytsche Johannes Boelstra * Stiens 31-7-1901 † Ljouwert/Eastermar 20-10-1935, x Ljouwerteradiel 12-5-1921
Klaas Werumeus Buning * Eastermar 9-9-1896 † Ljouwert 21-11-1968, greidboer te Eastermar, sn f. Arnoldus Werumeus Buning en Maaike van der Berg.
Klaas 2e Tytsjerksteradiel 27-5-1937 Antje Harmens Vaartjes * Aldlemmer 11-6-1901 † Ljouwert 28-2-1977, earder húshâldster by har man, dr f. Harmen Vaartjes en Jantje Heida.
Foto’s yn dit skift: Kolleksje H. Visser-Oostra en Kolleksje Boelstra-Noordenbos
Húshâlding fan Jehannes Boelstra (V.9) en Antsje Noordenbos: Piter, syn frou Tætske de Vries, Atsje har dochter, Sytske, heit, Janke, mem, dêrachter Heart Sybesma earste man fan Janke, Anne Doekes Oostra, Doeke Oostra, Fetsje mei Berber Doekes Oostra op ’e skurte, 1913
Janke, Jehannes, Piter, Fetsje, Antsje en Sytske, 1913
Antsje Boelstra-Noordenbos, 1937.
Har breed gouden earizer is har midden yn ’e oarloch op ’e dyk troch in Dútser fan har holle stellen
De stjelp op ’e Driezumerterp (1936) dêr’t Fetsje Jehannes Boelstra (sjoch de húshâlding hjirboppe V.9.2) en Doeke Oostra op buorkje, oant de krisisjierren.
V.10 Pieter Pieters Boelstra * Stiens 12-3-1866 † Ljouwert 13-10-1929, soan fan IV.5 Pieter Johannes Boelstra; boer te Wânswert; kommittearde wetterskip Polder Wanswerd; letter wenjend oan ’e Wybrand de Geeststrjitte te Ljouwert; x Ferwerteradiel 15-5-1890
Sjoukje Tjipkes Noordenbos * Wânswert 4-4-1868 † Ljouwert 10-10-1944, dr f. Tjipke Annes Noordenbos, boer te Wânswert, en Trijntje Pieters Brouwers.
Piter Piters Boelstra (foto: Strüppert & Van Duyl, Ljouwert) en Sjouk Noordenbos (foto: De Jong, Ljouwert). Kolleksje Boelstra-Noordenbos
Sjouk en Piter litte in stambeam fan ’e Boelstra’s skilderje mei as titel Stamboom van afstammelingen van Doede J. Binnema en Janke Tj. Boelstra (II.2.2) dy’t by testamint skonken wurdt oan de Provinsjale Bibleteek te Ljouwert, ynpakt yn in fûdraal fan hout en hurdboard (Argyf Tresoar PL42, omstrings 1932). Foto’s: Haye Bijlstra
De wapenskylden binne leech, it helmteken is in bile
V.11 Tjeerd Pieters Boelstra * 1868 † 1933; soan fan IV.5 Pieter Johannes Boelstra; boer (letter ek eigner) op ’e stjelp oan ’e Feinsumerfeart op it Aldlân ûnder Stiens te Hijum (A 717, no Mieddyk 8, sjoch ek IV.5); hynstefokker en pikeur; x Menameradiel 9-5-1895
Noentje Baukes Lettinga * Menaam 20-8-1874 † 1933, dr f. Bauke Piers Lettinga (ek Lettenga), boer te Menaam, en Berber Lammerts Dijkstra.
Bern:
1 Pieter Tjeerds Boelstra (VI.10) * Stiens 6-6–1897, twilling mei Berber, beide net x
2 Berber Tjeerds Boelstra * Stiens 6-6-1897.
Berber. Foto: W. en K. Heeringa, Dokkum. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
Pyt en Berber Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
Tseard Piters Boelstra (V.11). Kolleksje Rindertje Bouma, Ljouwert. Sjoch Erfgoed Fundaasje – Fotoalbum Bouma I
Noentsje Baukes Lettinga (V.11). Kolleksje Rindertje Bouma, Ljouwert. Sjoch Erfgoed Fundaasje – Fotoalbum Bouma I
V.12 Doede Pieters Boelstra * Stiens 27-1-1876 † Ljouwert 29-2-1960 [] Stiens; soan fan IV.5 Pieter Johannes Boelstra; greidboer te Stiens; x Ljouwerteradiel 13-5-1901 Rinske Pieters Bouma * Froubuorren 21-3-1874 † Ljouwert 20-7-1963 [] Stiens, dr f. Pieter Sipkes Bouma, boer yn ’e Súdhoek ûnder Froubuorren, en Fetje Johannes Binnema.
Bern:
Pieter Doedes Boelstra, folget VI.11
Doede Piters Boelstra en Rinske Piters Bouma mei Piter, 1910. Kolleksje Visser-Oostra
V.13 Johannes Tjeerds Boelstra * Stiens 13-1-1872 † dêr 25-12-1943 [] dêr; soan fan IV.6 Tjeerd Johannes Boelstra; x Ljouwerteradiel 6-5-1893, boer oan ’e Truerderdyk ûnder Stiens, sûnt 1912 rintenier te Stiens dêr’t er in hûs sette lit oan ’e Langebuorren
Jetske Karsjens Kalma * Britsum 8-12-1872 † Stiens 9-3-1937, dr f. Karsjen Jacobs Kalma, boer op ’e Gasthúspleats (eigner Poptagasthûs Marsum) te Britsum, bûterhanneler en terpbaas, en Tietje (ek Detje) Pieters Brouwers.
Bern:
1 Trijntje Johannes Boelstra * Stiens 23-10-1896 † dêr 30-11-1946 [] dêr, x 23-5-1918, nei de betide dea fan har man hâldt Tryntsje boelguod, mei har dochter wennet se tenei yn by har heit en mem te Stiens
Siebe Siedses Boelstra * Froubuorren 26-6-1892 † Stiens 20-12-1921 [] dêr, boer op ’e Bûtenskilwei 42 ûnder Stiens, sn f. Sieds Siebes Boelstra (V.2), boer te Stiens, en Sjoukje Jans Postma.
Bern:
1 Jetske Siebes Boelstra (Jet) * Stiens 19-9-1919 † 4-11-2011; oplieding: ûnder oaren Hofskoalle en M.H.B.S. Ljouwert; lid haadbestjoer Bond van Plattelandsvrouwen in Friesland (skathâldster 1966-’67, presidinte 1967-’68; ek foarsitster by it 50-jierrich jubileum yn maaie 1969 op It Hearrenfean); x 1e Ljouwerteradiel 15-4-1942
Jentje Tjepkes Hoogland * St.-Anne 24-4-1916 † Luwt 9-5-1945 [] Froubuurt (Attesweg), bouboer op Bordena Sate an ’e Nijebildtdyk onder St.-Anne, sn f. Tjepke Bienses Hoogland, graidboer an ’e Langhústerweg op Sate De Fenne in ’e Súdhoek fan St.-Anne, sont 1933 aigner en bouboer op Bordena Sate, en Aaltje Jentjes Hoogland.
Bern:
1 Trijntje Aaltje Hoogland * Aldebiltsyl 8-11-1943, beukerliedster, x It Bilt 3-11-1967 (houlik ûntbûn 4-4-1991) Andries de Blaauw * De Lemmer 3-6-1942, skoallehaad te Nij Beets, sn f. Pieter de Blaauw, kantoarmeiwurker C.C.F. Ofdieling Reklame, en Hilgien Jantje Hilgenga.
Jet x 2e (neef fan har earste man) It Bilt 19-12-1946
Pieter Joutes Miedema * Mellingastate (Hege Hearewei 54) ûnder Feinsum te Stiens 26-5-1921 † Ljouwert 24-3-2010, boer ûnder Aldebiltsyl op Bordena Sate, sn f. Joute Pieters Miedema, boer op Mellingastate, en Baukje Jentjes Hoogland.
Bern:
1 Joute Pieters Miedema * Aldebiltsyl 4-12-1947, boer op Bordena Sate oan ’e Nijebildtdyk ûnder St.-Anne † Bitgummole 22-6-2019; boer op Bordena Sate ûnder Aldebiltsyl en biologysk kweker oan ’e Langhústerwei ûnder St.-Anne; x Ljouwerteradiel 14-7-1967 Renske Brolsma * Stiens 21-12-1946, dr f. Johannes Roelofs Brolsma, keapman en greidboer te Stiens, en Baukje Lieuwes Kuipers.
Geboarteleppel fan Jehannes Tseards Boelstra: op ’e stâlkroan, in hynder, symboal fan ieuwen hynstefokkerij en -riderij.
Sjoch Erfgoed Fundaasje – Goud en sulver erfgoed
Jehannes Tseards Boelstra, hy rinteniert as er fjirtich jier is. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland
Jetske Karsjens Kalma. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland
Tryntsje Jehannes Boelstra (V.13.1) mei har dochter Jet en mem Jetske Boelstra-Kalma. Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland
V.14 Minne Tjeerds Boelstra * Stiens 29-3-1883 † dêr 3-8-1941 [] Stiens; soan fan IV.6 Tjeerd Johannes Boelstra; 1904-1939 eigenerfd greidboer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân ûnder Stiens, x Ljouwerteradiel 11-5-1904
Janke Jacob-Jetzes Kalma * Stiens 3-10-1884 † Ljouwert 23-7-1964 [] Stiens, dr f. Jacob Jetze Karsjens Kalma, boer, en Grietje Simons Brouwers.
Bern:
1 Grietje Minnes Boelstra * Stiens 14-7-1907 † Slappeterp 28-2-1991, x Ljouwerteradiel 19-4-1928
Sijbrandus Hiemstra * Warns 23-2-1905 † Slappeterp 10-4-1987, boer te Menaam, sn f. Sijbout Hiemstra, húsdokter te Warns, en Johanna Wilhelmina Adolphina Kuipers Dijken
2 Tjeerd Johannes Boelstra Mzn, folget VI.12.
Ljouwerter Krante, 14-5-1909:
GENERAASJE VI
VI.1 Johannes Siedses Boelstra, soan fan V.1 Sieds Johannes Boelstra
VI.2 Siebe Siedses Boelstra * Froubuorren 26-6-1892 † Stiens 20-12-1921 [] dêr; soan fan V.2 Sieds Siebes Boelstra; boer oan ’e Bûtenskilwei 42 ûnder Stiens; bestjoerslid Stoomzuivelfabriek Stiens, x 23-5-1918
Trijntje Johannes Boelstra (V.13.1)* Stiens 23-10-1896 † dêr 30-11-1946 [] dêr, x 23-5-1918, dr f. Johannes Tjeerds Boelstra, boer, en Jetske Karsjens Kalma.
Bern:
1 Jetske (Jet) Siebes Boelstra * Stiens 19-9-1919, foarsitter Bond van Plattelandsvrouwen in Friesland, x 1e Ljouwerteradiel 15-4-1942
Jentje Tjepkes (ek Tjipkes) Hoogland * St.-Anne 24-4-1916 † Ljouwert 9-5-1945 [] Froubuurt (Attesweg), boer oan ’e Lanhústerweg in ’e Súdhoek fan St.-Anne, sn f. Tjepke Bienses Hoogland, boer, en Aaltje Jentjes Hoogland
Bern:
1 Trijntje Aaltje Hoogland * Aldebiltsyl 8-11-1943, beukerliedster, x It Bilt 3-11-1967 (houlik ûntbûn 4-4-1991) Andries de Blaauw * de Lemmer 3-6-1942, skoallehaad te Nij Beets, sn f. Pieter de Blaauw, administratyf meiwurker C.C.F Ofdieling Reklame, en Hilgien Jantje Hilgenga.
Jet x 2e (neef fan har earste man) It Bilt 19-12-1946
Pieter Joutes Miedema * Stiens, boer op Bordena Sate oan ’e Nijebildtdyk, sn f. Joute Pieters Miedema, boer op Mellingastate ûnder Feinsum, en Baukje Jentjes Hoogland.
Bern:
1 Joute Pieters Miedema * Aldebiltsyl 4-12-1947, boer op Bordena Sate oan ’e Nijebildtdyk ûnder St.-Anne, x Ljouwerteradiel 14-7-1967 Renske Brolsma * Stiens 21-12-1946, dr f. Johannes Roelofs Brolsma, keapman en greidboer te Stiens, en Baukje Lieuwes Kuipers.
Siebe Siedses Boelstra (VI.2) foar de pleats op it Stienzer Aldlân, de Swaarderterp?
Siebe Siedses Boelstra (VI.2) en Tryntsy Jehannes Boelstra, achter-achter-achterneef en nicht. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Kolleksje T.A. Hoogland
VI.3 Jan Siedses Boelstra * 1901 † 20-6-1971 [] Stiens; soan fan V.2 Sieds Siebes Boelstra; boer, feefokker en hynstefokker yn ’e Súdhoek fan Froubuorren. Neist it Fryske hynder fokt er benammen Bovenlanders, bekende kampioenen: Erfdame en Ycola. Hy wurdt ferneamd troch de Ritta-stam, merrylijn NL-015, dat binne hurde hynders, geskikt om swier lânwurk te dwaan. Soms leinen se op ’e knibbels om troch te setten, en dat dienen en dogge se. Nei de Twadde Weareldoarloch fokt Jan Boelstra yn ’e kombinaasje BOG: Boelstra, Oosterbaan, Gerbens.
Jan Boelstra is sûnt 1936 bestjoerslid fan ’e feriening Het Friesch Paarden-Stamboek (dêrfan sekretaris 1938-1942); sûnt de oprjochting yn 1943 30 jier haadbestjoerslid (letter earelid) fan it hynstestamboek Noord-Nederlands Warmbloed-Paardenstamboek (N.W.P.) en dêrfan skriuwer foar de ôfdieling Fryslân oant de opheffing fan dy ôfdieling yn 1970; mei-oprjochter en bestjoerslid wetterskip De Hoge Dijkster Polder.
Sjoch: stal de hameren.
x Menameradiel 5-1-1922
Bottje Minnes Fokkema * Menaam 31-8- 1899 † 17-4-1987 [] Stiens, dr f. Minne Jouws Fokkema, boer te Menaam, en Dieuwke Gerrits Stapenséa.
(Sjoch foarâlden Fokkema: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Antje Fokkes van der Meer)
Bern:
1 Sjoukje Jans Boelstra * Froubuurt 20-5-2016, hynstesportfrou; fôlesketser, hynstefokker (Stâl Sinaeda), mei-oprjochter Martena-ruters te Koarnjum, idem manege De Molenruiters te Froubuorren, x It Bilt 9-7-1952
Jarig Ouwes Koning * Ouwesyl 14-7-1927 † Ljouwert 18-9-2016, boer an ’e Attesweg 30, Ouwesyl, peerdefokker, sn f. Ouwe Jarigs Koning, boer te Ouwewsyl, en Grietje Sijbes Hoekstra
2 Djoeke Jans Boelstra, hynstesportfrou; x
Adriaan Koopmans, notaris op ’e Jouwer.
Bern:
1 Botje Trijntje (Botine) Koopmans
2 Anna Sjoukje (Anne Sjouk) Koopmans, hynstestâlhâlder en -ynstrukteur op stâl De Hameren yn ’e Súdhoek fan Froubuorren (op ’e pleats fan Sieds Siebe en Jan Siedses Boelstra), x It Bilt 18-4-1984 Tæke Okkes Okkema * Boksum 9-8-1946, kredyt-adviseur agrarise sektor Alg. Bank Ned., hynstestâlhâlder , sn f. Okke Jacobus Okkema, greidboer te Boksum, en Dieuwke Jans Greidanus.
Anne Sjouk skonk it Argyf Erfskip Jan Siedses Boelstra oan Erfgoed Fundaasje.
3 Sietse Jan Koopmans
3 Sieds Siebe Jans Boelstra (VII.1) * Súdhoek Froubuorren 1-10-1933 † 19-3-2014, feefokker en bouboer oant 18-8-1971 (boelguod, sjoch advertinsje hjirûnder) op Schroorsmastate te Westernijtsjerk, de pleats fan syn skoanheit, dêrnei op syn âlderspleats’yn ’e Súdhoek ûnder Froubuorren; syn stamboekfeebeslach ‘Schroorsma’ hat de namme fan ’e pleats yn Westernijtsjerk; skriuwer feriening Het Bovenlander Paard; x Ferwerteradiel 3-6-1965 (houlik ûntbûn dêr 1969)
Grietje (Kiek) Wybes Anema * Schroorsmastate Westernijtsjerk 4-3-1938, dr f. Wybe Minnes Anema, boer op Schroorsmastate te Westernijtsjerk, en Antje Teunis van der Meij.
Hja x 2e Ferwerteradiel 3-12-1971 Jan Postma * Readtsjerk 22-10-1931,boekhâlder by de C.C.L.B., wenjend te Holwert, sn f. Pieter Postma en Sietske Feenstra.
Foto’s en yllustraasjes yn dit skift: Argyf Erfskip Jan Siedses Boelstra, skonken oan Erfgoed Fundaasje troch Anne Sjouk Koopmans (VI.3.2.2).
VI.4 Bauke Jacobs Boelstra * Hallum 25-1-1891 † Den Haach 17-8-1968; soan fan V.4 Jacob Baukes Boelstra; assistin-residint Semarang Ned. Indië, yn 1938 wer yn Nederlân, dêr kaskontroleur by de PTT, Den Haach 6-7-1916
Jenny Albertina Wurfbain * Salatiga (Nederlâns Indië) 13-4-1895 † Den Haach 26-4-1977, dr f. Constant Philip Wurfbain en Albertine Constance Wilhelmine Swaving.
Bern:
1 Irma Albertina Hendrika Boelstra * Paree (N.I.) 27-4-1919, x 1e (ûntbûn)
Lex Tóth, * Hongarije.
Hja x 2e ?
VI.5 Johannes Pieters Boelstra * Ljouwert 3-11-1883 (op in pleats by it eardere Bonifatius Hospitaal, dêr’t in gevelstien ynsiet fan de earste stienlizzing troch in Boelstra, meidieling fan A.A. Schuiling-Beintema) † St.-Jabik 6-12-1956 [] Stiens (noardkant); soan fan V.5 Pieter Johannes Boelstra; syn heit stjert fjouwer moanne foar Jehannes syn geboarte, hy is al jong wees, sadwaande wurdt Jehannes tenei syn hele libben ‘Jehannes de wees’ neamd, hy groeit op by syn beppe Boelstra yn Stiens, is sadwaande foluntêr en reizget fan ’e iene boer nei de oare, folget de Lânbouwinterskoalle te Ljouwert, feefokker en hynstefokker te Stiens, x Ljouwert 16-5-1906 Antje Sydses van der Werff * Ljouwert 14-11-1880 † 15-2-1964 [] Stiens (noardkant; op ’e grêfstien stiet Van der Werf mei inkeld f), by x sûnder berop te Huzum, dr f. Syds Joutes van der Werff, boer, 1906 rintenier te Huzum, en Trijntje Sjoerds Cuperus.
Dit is neffens de fotokolleksje fan Rindertje Bouma, in Johannes Boelstra. Mooglik Jehannes Tseards (V.13). It kin ek Jehannes Pieters * 1863 wêze (V.9), of Jehannes Joutes * 1886 (V7.1), of Jehannes Pieters (VI.5). Wa wit it?
Anne Siedses van der Werff. It earizer anneks juwielen fearren en sydsulver binne bewarre. Partikuliere kolleksje.
Foto: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W.14, Ljouwert. Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Anne van der Werff en Jehannes Boelstra. Foto: Strüppert & Van Duyl, Foarstreek 270, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Feefokkers oan it bier yn Berlyn, Berliner Eispalast. Links: Piter Jehannes Boelstra en Maartsy Wassenaar-Bonnema; rjochts: Anne Boelstra-van der Werff en Fokke Nannes Wassenaar, te Jelsum.
‘Se sitte net neist har eigen man. Je binne der even út. Dan kin dat.’
Foto: Kunstverlag Paul Kaufman, Wilmersdorf-Berlin.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Johannes Pieters (VI.5), Pieter Johannes (VII.2) en Johannes Pieters Boelstra (VIII.1)
Ut dit staach Van der Werff is dizze sulveren tabaksdoaze sûnder ynskripsje bewarre bleaun. Partikuliere kolleksje. Sjoch: Erfgoed Fundaasje Genealogy Van der Werf/Van der Werff.
Bern:
1 Pieter Johannes Boelstra, folget VII.2
2 Sytske Neeltje Boelstra, x Popko Wilte Heidema * Rasquert 4-1-1910 † Norg 31-5-1994, [] Baflo yn grêfkelder Heidema, boer te Baflo; gjin bern.
Syts en Piet Boelstra
Syts en Piet Boelstra. Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Syts en Piet Boelstra, 22 augustus 1931
VI.6 Lourens Ruurd Olivier Boelstra * Ljouwert 30-3-1882 † Amsterdam 3-2-1924 [] Jelsum; soan fan V.6 Ruurd Johannes Boelstra; yn 1913 semy-arts te Ljouwert (Westersingel H12), arts-diploma 17-10-1914, wennet yn 1915 seis moannen yn Amsterdam, hat dêr wierskynlik ek wurke, yn 1915 beneamd as arts yn ’e gemeente Onstwedde wennet dan yn Stadskanaal, sûnt 12-5-1915 húsdokter te Onstwedde, yn july 1917 spesjalist yn Amsterdam. Fervent en gerenommeard skaker.
Lourens krijt 21-2-1884 by Keninklik Beslút tastimming ta nammeferoaring yn Olivier Boelstra. Dat is op oanfraach fan syn pake Ruurd Johannes Boelstra (V.6) (meidieling Gesina Quadrini-Olivier Boelstra VII.3.1)
x Ljouwerteradiel 11-4-1913 Aukje Sybes Cuperus * Boksum 23-6-1881 † Amsterdam 13-9-1926 [] Jelsum, dr f. Sybe Douwes Cuperus, boer te Boksum, en Grietje Douwes Osinga.
Bern:
1 Ruurd Lourens Olivier Boelstra (VII.3)
2 Sybo Klaas Olivier Boelstra * Amsterdam 15-1-1922 † 5-12-1946, opnommen yn in ynrjochting foar ferstanlik beheinden.
Lourens Ruerd Olivier Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert
Aukje Sybes Cuperus. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
VI.7 Johannes Joutes Boelstra * Stiens 25-5-1886 † Rotterdam 11-1-1951 [] Stiens; soan fan V.7 Joute Johannes Boelstra; 1913 1e luitenant, 1914-1919 detasjeard yn Sweden as technys-kommersjeel amtner, 1928 reserve-kapitein by de Vrijwillige Landstorm Motordienst, folontêr masinefabryk, dêrnei stúdzje wurktúchkundich yngenieur yn Dútslân, spesjalisaasje dieselmotors; bedriuwsassistent by Werkspoor te Amsterdam; april 1909 milysje-twadde luitenant; 1911 bedriuwsyngenieur by de firma Dujardin & Cie te Lille (Rijsel, Frankryk), wenje nei har trouwen yn Lambersart fuortby Lille; werom yn Nederlân funksje technise hannel; wennet te Den Haach, letter Aerdenhout; 1942 haadkommissaris fan plysje te Rotterdam, 1943 dêr plysjepresidint; yn 1941 lid fan ’e N.S.B., lid Germaanse SS, foarkaam nazifisearing fan it Rotterdamse plysjekorps; x Ljouwert 15-4-1913 Alberdina van Duisen (Dien; neamt en skriuwt har Van Duijsen) * Ljouwert 10-8-1891, dr f. Cornelis Hendrik van Duisen (neamt en skriuwt him Van Duijsen), keapman te Ljouwert (Achter de Hoven V2J, Willemskade F22-boppe), en Geertje Greidanus.
Sjoch: Wikipedia – Johannes Boelstra.
VI.8 Tamme Joutes Boelstra * Stiens 6-11-1887; soan fan V.7 Joute Johannes Boelstra; boer en feefokker op Horne Zathe en op Swaarderterp (Hoarnsterdyk 9) ûnder Stiens; foar de helt eigner fan Horne Zathe, dat part ferkeapet er yn 1924 oan syn omke Jehannes Boelstra (V.8); pikeur, û.o. foar syn omke Jehannes (V.8); x It Bilt 19-5-1914 Dirkje Pieters Hoogland * St.-Jabik 15-10-1890, dr f. Pieter Piers Hoogland, boer te St.-Jabik, en Trijntje Hayes Nauta.
Sjoch: Genealogysk jierboekje 1962 – J.IJ. Feenstra: Het geslacht Hoogland
Jehannes (V.7.1) en Tamme Boelstra (V.7.2). Foto: J.H. Slaterus, Langemerkstrjitte, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong
Tamme Joutes Boelstra (V.7.2) Foto: Atelier De Jong, Nijstêd 53, Ljouwert. Kolleksje Van der Werff-de Jong
Tamme Boelstra. Foto: De Jong, Nijstêd 53, Ljouwert, Lytssân, Snits.
Skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
VI.9 Pieter Johannes Boelstra * Stiens 29-1-1887 † Ljouwert/Bartlehiem 9-12-1935 [] Wyns; soan fan V.9 Johannes Pieters Boelstra; greidboer te Skearnegoutum, nei 1931 te Bartlehiem, x 1e Ljouwerteradiel 9-5-1910 Tætske de Vries * Aldtsjerk 21-7-1889 † Skearnegoutum 8-5-1926 [] Wyns, dr f. Willem Gaatzes de Vries, greidboer te Aldtsjerk, en Atje Jitzes van der Heide; Piter x 2e Ljouwerteradiel 18-4-1928 Tjitske van der Velde * Lekkum 14-4-1888 † Ljouwert 12-1-1974, dr f. Pier van der Velde en IJbeltje Kornelis Jansma.
Bern:
1 Atje Pieters Boelstra * Skearnegoutum 27-4-1911 † Boalsert (Bloemkamp) 28-10-1981 [jiske] Wyns, x Ljouwert 13-3-1937 Jan Berga * Gersleat 20-4-1913 † It Hearrenfean/De Jouwer 25-5-1989 [jiske] Wyns, ynspekteur Algemiene Ynspeksje Tsjinst Lânbou, fersekeringsagint, sekretaris wetterskip Toppenhuzen en makelder, sn f. Jacob Berga, greidboer te Gersleat, fokker fan hynders, kij, bargen en skiep (tachtich medaljes en eareprizen op keurings), bestjoerslid Friesche Maatschappij van Landbouw, idem wetterskip, tsjerkfâd, en Gerritje van Es.
Bern Berga:
1 Teatske Gerritje * Overschie 6-10-1938
2 Gerritje Grietje * Snits 13-5-1940
3 Wilco Pieter * Snits 8-9-1947
Piter Jehannes Boelstra (VI.9), 1903. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
Tætske de Vries. Foto: De Jong, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
Atsje. Foto: Obbema & De Bruin, Ljouwert, Snits. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
VI.10 Pieter Tjeerds Boelstra, soan fan V.11 Tjeerd Pieters Boelstra
VI.11 Pieter Doedes Boelstra * Stiens 24-9-1902 † Ljouwert 13-5-1976 [] Stiens; soan fan V.12 Doede Pieters Boelstra; greidboer op it Stienzer Aldlân, letter te Koarnjum, ynspekteur, x Tytsjerksteradiel 5-5-1926
Grietje Daniels de Hoop * Noardburgum 12-3-1905 [] Stiens; hie as earste frou yn Nederlân in dekstastasjon foar hynders; organisearde de earste Alvestêdetocht op hynders, allyksa it libben skaakspul mei hynders; dr f. Daniel de Hoop, greidboer, en Aaltje Oostenbrug.
In ferslach fan ’e Alvestêdetocht op hynders is yn 2015 opskreaun troch P.S. Bouma út de mûle fan in dielnimmer Tseard Kerstma, âld boer op de hierpleats Horne sathe (eigner Boelstra Olivier Stichting). De tocht begjint op it Koarnjumer Nijlân op ’t hiem by -hoe kin it ek oars, in Boelstra – en einiget op ’e Wilhelminabaan yn Ljouwert, no it WTC.
Boarnen: P.S. Bouma en Tseard Kerstma (ferslach mei foto’s en knipsels út de Ljouwerter Krante).
Pyt Doedes Boelstra. Foto: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Boelstra-Noordenbos
Bern:
1 Renske Aukje Pieters Boelstra * Stiens 2-7-1928 † St.-Anne 26-7-1991[] Stiens, x Ljouwerteradiel 17-10-1951
Hans Johannes Hoogland * St.-Jabik 12-2-1925, boer op Groat Mahu an ’e Ouwebildtdyk onder St.-Jabik, sn f. Johannes Wadzes Hoogland, boer op Groat Mahu, en Sietske Hanses de Groot.
2 Doede Pieters Boelstra, folget VII.4
VI.12 Tjeerd Johannes Boelstra Mzn * Stiens 9-5-1912 † dêr 31-8-1992 [] Stiens; soan fa V.14 Minne Tjeerds Boelstra; 1939-1972 eigenerfd greidboer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân ûnder Stiens ; sy binne de fyfde generaasje Boelstra op dizze pleats, x It Bilt 17-5-1939
Grietje Douwes van der Staag * St-Jabik 31-5-1918 [] Stiens, dr f. Douwe Wytzes van der Staag, boer ûnder St.-Jabik, en Aukje Pylgrums (Pylgers) Miedema.
Bern:
1 Minne Tjeerds Boelstra, folget VII.5
2 Douwe Tjeerds Boelstra, folget VII.6
GENERAASJE VII
VII.2 Pieter Johannes Boelstra, * Ljouwert 20-3-1919 † Grins (ûnder in hynstekeuring yn it Stedspark) 29-1-1964 [] Stiens (2-persoans grêfkelder, noardkant); soan fan VI.5 Johannes Pieters Boelstra; boer Aldebildtdyk (nr 723) ûnder St.-Jabik; hynstefokker; lântaksateur, bestjoerslid Grûnkeamer, idem Welsh Ponystamboek, idem Keamer fan Keaphannel, idem Wetterskip Het Nieuw Bildt, idem Wenningstichting; x Aukjen Anna Beintema * op Nij ter Lune op ’t eilân Bûtendyk ûnder Ingwierrum 5-12-1925; nei it ferstjerren fan har earste man yn 1964 set hja oant 1982 it bedriuw troch mei de buorker Jan Baukes van der Weg (It bedriuw docht yn 1965 it fee fuort), sûnt 1982 rintenier oan ’e Kouweweg ûnder St.-Jabik; dr f. Eesge Jans Beintema, boer op Nij ter Lune op ’t eilân Bûtendyk ûnder Ingwierrum, en Antje Jilles van der Meij.
Hja x 2e Mitselwier 24-5-1979 Thijs Roelof Dirks Schuiling * op Grut Lammema ûnder Minnertsgea 17-6-1917 † Ljouwert 28-12-2000 [] jiske, Stiens (2-persoans grêfkelder, noardkant), boer op Haskerastate te Jelsum, letter oan ’e Aldebildtdyk; bestjoerslid Pachtkeamer, idem Tusken Waad en Ie, idem Wetterskip Binnen- en Bûtendyks; sn f. Dirk Kornelis Thijsses Schuiling, boer op Grut Lammema ûnder Minnertsgea, letter oan ’e Aldebildtdyk ûnder St.-Anne, en Jantje Pieters Hiddinga.
Thijs Roelof x 1e (houlik ûntbûn) Renske Maaike Arjens Wassenaar * 12-2-1920, dr f. Arjen Nannes Wassenaar, feefokker, en Rigtje Ruurds Boelstra (V.6.2).
Piet Boelstra. Foto Gevaert
Pieter Johannes Boelstra. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert. Foto’s yn dit skift skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Boelstra-Beintema
Troufoto fan Pieter Johannes Boelstra en Aukjen Anna Beintema. Foto Bleeker.
Piter Jehannes Boelstra op in hynst fan feefokker Hindrik Bolt (rjochts mei stôk), yn Grins. Piter Boelstra en Bolt dogge tegeare in soad yn ’e hynstehannel. Se helje û.o. skimmels fan ’t Amelân. Dy wurde ynskeept yn ’e Ballumer Bocht en komme oan lân by Swarte Hoarne. Se wurde bytiden trochferhannele nei Ingelân, ûnder oaren oan ’e Keninklike Stâlen te Windsor
Yn in partikuliere kolleksje is porslein en sulver út de Boelstra en Van der Werf(f)-famylje, ûnder oaren fjouwer sulveren geboarteleppels mei ynskripsje:
–K:B [dêrûnder:] J:R [dêrûnder:] 1777
–Durk Joutes van der Werf is gebooren den 10 October 1792 (sjoch III.1.4). Sjoch Genealogy Van der Werf/Van der Werff
-Sieds Tjeerds Boelstra geb. 22 September 1797 (sjoch III.2)
-T.M. 1800.
Erfgoed Fundaasje docht ûndersyk nei de persoanen achter de inisjalen en nei de sulversmeden.
Bern:
1 Johannes Pieter Boelstra, folget VIII.1
2 Anna Sietske Neeltje Boelstra * St.-Jabik 6-4-1953, x Franciscus (Frank) Theophile Romuald Maria Terwindt * Venlo 7-2-1946 † Barendrecht 18-4-2011, sivyl ingenieur, Barendrecht
Anneke Boelstra, Delft, okt. 1973
3 Lotte Titia Boelstra * St.-Jabik 20-9-1956, x Willem Peter van Tol * 16-10-1953, natuerkundich ingenieur, Aalst-Waalre
Lotte Boelstra
VII.3 Ruurd Lourens Olivier Boelstra * Amsterdam 6-1-1915 † dêr 7-9-1986 [] Jelsum; soan fan VI.6 Lourens Ruurd Olivier Boelstra; wurdt as wees fan alve jier opbrocht by syn omke en muoike Arjen Wassenaar en Richtsy Boelstra (V.6.2) te Jelsum, wie ek faak by syn beppe Maaike Boelstra-Olivier (V.6) oan ’e Westersingel te Ljouwert; oplieding: H.B.S. Ljouwert, ûnder syn skoaltiid liedt er de Rudy ROB (R Olivier Boelstra) Band, oplieding Konservatoarium Amsterdam, pianolearaar te Amsterdam; hy sit dêr yn in rûnte fan muzikanten, û.o. mei syn nicht de sopraan Jouk Cuperus út Boksum; ponghâlder fan ’e Fryske Krite Amsterdam; x Burgum Trijntje Hornstra (Nynke) * Burgum 23-2-1919 † Haarlem 6-1-2016, dr f. Bontje Jens Hornstra, húsdokter te Burgum, en Gesina Geertruida Tijsma.
Bern:
1 Gesina Auckjen Olivier Boelstra * Amsterdam 3-10-1947, x Feanwâlden Bernard Quadrini * Parys 23-4-1948
Bern Quadrini:
1 Virginie Nynke Quadrini * Saint Maur 5-6-1975, w.m. Grégory Vicens * Nice 18-1-1984; dochter: Alessia Lieve Vicens * Levallois Perret 11-12-2013
2 Olivier Wilco Quadrini * Saint Maur 4-8-1978
2 Lourens Klaas Olivier Boelstra, folget VIII.2
VII.4 Doede Pieters Boelstra * Stiens 12-5-1932; soan fan VI.11 Pieter Doedes Boelstra; folget de keunstakademy te Grins (ûntwerpt it byld foar fersoargingshûs Skilhiem te Stiens), ûndernimmer yn etalaazjemateriaal en winkelynterieurs te Stiens, filmmakker (û.o. Stiens tusken doe en no, opfieringen 10-9-2016), x
Teetje Schaafsma (Tea) * Stiens 5-1-1931, dr f. Tjeerd Schaafsma, timmerman te Stiens, en Marijtje Hoekstra.
Bern:
1 Pieter Doedes Boelstra, folget VIII.3
2 Marijtje Doedes Boelstra * Stiens 1-3-1959, doktersassistint, x Ljouwerteradiel 26-10-1983 Johannes Cornelis Bijlsma * Assen 31-5-1959, adj. distriksbestjoerder fakbûn (Horecabond FNV) te Eindhoven, sn f. Eerde Bijlsma, dir. alg. reklasearingsferiening Grinslân, en Ida van der Heide
3 Grietje Doedes Boelstra * Stiens 1-8-1962, dir. sekr. Vriesco te Ljouwert
4 Welmoed Aukje Doedes Boelstra * Stiens 24-9-1965
5 Rikst Doedes Boelstra * Ljouwert 27-12-1969
VII.5 Minne Tjeerds Boelstra * Stiens 27-7-1941; soan fan VI.12 Tjeerd Johannes Boelstra Mzn; bouboer te Eppenhuizen (Gr.), x Tytsjerksteradiel 17-7-1969 (houlik ûntbûn 24-4-1987) Dieuwke de Vries * Hurdegaryp 6-4-146, learares hantwurkjen, dr f. Douwe de Vries, boer, en Jacoba van der Veen
Bern:
1 Jacoba Minnes Boelstra (Japke) * Grins/Eppenhuizen16-6-1975, advokaat
2 Grietje Minnes Boelstra * Grins/Eppenhuizen 7-12-1977
VII.6 Douwe Tjeerds Boelstra * Stiens 3-5-1946 † 22-12-2014 [] Stiens; soan fan VI.12 Tjeerd Johannes Boelstra Mzn; sûnt 1972 eigenerfd boer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân ûnder Stiens; sy binne de sechsde generaasje Boelstra op dizze pleats, x ’t Zandt (Grinslân) 5-3-1948
Geertje Jantine Anne Arkema (Gerda) * Leermens (Gem. ’t Zandt) 5-3-1948, laborante, dr f. Sieuwert Arkema, boer, en Jantje Sietsia ter Borg.
Bern:
Tjeerd Johannes Boelstra, folget VIII.4
Truerderdyk 24. Hjir buorkje Boelstra’s sûnt 1824. De skuorre is fan 1890. Foto: Y. de Boer, Stiens. Kolleksje: Dokumintaasjestichting Ljouwerteradiel, Stiens 41512
GENERAASJE VIII
VIII.1 Johannes Pieter Boelstra * St.-Jabik, Ouwedyk 723, 21-2-1950; soan fan VII.2 Pieter Johannes Boelstra; stúdzje Farmacy Ryksuniversiteit Grins, ûnder stúdzje Senatus Fiscus fan ’e Senaat fan it Grinzer Studinte Corps Vindicat atque Polit 1970-1971, sûnt 1978 apoteker te Sappemeer; aktyf yn ûnderskate bestjoersfunksjes binnen de beropsferiening KNMP, lykas lid Haadbestjoer, lid Commissies Tarieven, Ziekenfondsaangelegenheden, Financien; 20 jaar frijwilliger by de pleatslike Brandweer; officiersopleiding oan it NIBRA, pleatsferfangend kommandant en officier fan tsjinst yn ’e regio Groningen Midden (ynklusyf Stad Groningen); bestjoerslid Pensioenfonds voor Openbare Apothekers, SPOA.
Rekonstruearde in pleats yn it hert fan Sappemeer ûnder tafersjoch fan ’e Rijksdienst voor Monumentenzorg en festige dêryn syn apoteek en wenhûs x Henderika van Dijk (Rita) * Grins 29-3-1951, stúdzje mr yn ’e rjochten Ryksuniversiteit Grins, wurksum by NASK en Gasunie.
Bern:
1 Cornelie Anna Boelstra * Grins 9-4-1979, stúdzje Beleid en Bestuur in Internationale Organisaties, Leiding en Organisatie (drs.), stúdzje International Law (master) Ryksuniversiteit Grins, beliedsmeiwurker KNMP-Koninklijke Nederlandse Maatschappij ter bevordering van de Pharmacie te Den Haach, wennet te Leidschendam, x Leidschendam 7 mei 2016 Axel Maarten Petrus Visser * Rotterdam 27-5-1980, stúdzje Technische Bestuurskunde Technische Universiteit Delft, consultant by Bearing Point te Amsterdam.
Bern:
1 Hanne Suuske Neeltje * Den Haach 6-11-2012
2 Lotte Rieke Sofie * Leidschendam-Voorburg 25-8-2015.
2 Henriette Marian Boelstra * Grins 25-1-1981, stúdzje Ekonomy Ryksuniversiteit Grins (drs.), register akkountant (RA), director Accounting and Reporting AkzoNobel Decorative Paints North West Europe, UK and Ireland, wennet yn Amersfoort, x 14 juni 2008 Kasper Edsko Koenraad Melinga * Grins 26-10-1979, stúdzje Technische Bedrijfswetenschappen (drs.) Ryksuniversiteit Grins, consultant by ING.
Bern:
1 Maurits Kasper Lodewijk, * Amsterdam 23-8-2011, ienaaiïge twaling mei:
2 Floris Pieter Benjamin * Amsterdam 23-8-2011
3 Charlotte Anne Sophie * Utrecht 19-11-2015.
3 Pieter Johannes Boelstra * Grins 22-11-1983, stúdzje Economische Geschiedenis (MA) Ryksuniversiteit Grins (cum laude); oplieding IT Audit & Advisory (RE) Erasmus Universiteit Rotterdam ûnder syn tsjinstbetrekking by PWC te Amsterdam, wennet dêr, x Bloemendaal 10-9-2016 Caroliene Maartje Mellema (Corien) * Leiden 23-7-1986, stúdzje Rjochten (Mr.) en Psychology (MSc) Ryksuniversiteit Grins, advokaat famyljerjocht te Amsterdam, dr f. Mr. Sieto Robert Mellema, riedshear Hof Den Haach, en Prof. Mr Trijntje Jannigje Kranenburg, notaris.
Johannes Pieter Boelstra
Johannes Pieters Boelstra en syn achterneef Lourens Olivier Boelstra (VIII.2)
VIII.2 Lourens Klaas Olivier Boelstra, soan fan VII.3 Ruurd Lourens Olivier Boelstra;
x 1e (houlik ûntbûn),
w.m.
Jeanine van Bellen * Den Haach 21-11-1954.
Bern út it earste houlik:
1 Eelco Ruurd Olivier Boelstra * Heemskerk 21-8-1979, manager planning en purchaging, w.m.
Elsina Tjadens * Alkmaar 25-1-1984
Bern:
1 Milou Amélie Olivier Boelstra * Beverwijk 26-3-2011
2 Stef Lourens Olivier Boelstra * Beverwijk 10-4-2013
2 Joost Olivier Boelstra * Beverwijk 27-11-1982, ICT funksje, w.m.
Drita Boender
VIII.3 Pieter Doedes Boelstra * Stiens 14-9-1956; soan fan VII.4 Doede Pieters Boelstra; ûndernimmer yn etalaazjemateriaal en winkelynterieurs te Stiens.
VIII.4 Tjeerd Johannes Douwes Boelstra * Stiens 13-10-1975, húsdokter, soan fan VII.6 Douwe Tjeerds Boelstra; x Minke van Cruijsen, sûnt 2008 KNO-arts Martini Ziekenhuis Grins; promoveard Psychological aspects and stress-related hormones in Meniere’s disease (2006).
Bern:
Bente Boelstra
Fedde Douwe Boelstra * 31-2-2010
Hylke Boelstra.