- Taede (Aenez) x Griet Pieters, † nei 1624.
Sjoch foar harren: kertiersteat Anneke Bouma nr. 58898/99.3.
Ien soan:
- Taede Taedes, * nei 1599, docht belidenis Hallum 3-4-1629, boer op stim 58 dêr 1640, lidmaat 1646, † foar 1675, x N.N.
Yn 1675 (FER H 37v) Gerryt Dircx kontra de erven fan Taede Taedes om 7½ karg.
Bern:
- Roeloff, ~ Hallum 1628.
- Trin, ~ Hallum 17-6-1632.
- Taede Taedes Jongsma, x 1. Hallum 2-1-1659 Jetske Wytses; x 2. Holwerd 3-5-1663 Elysabet Huber, dochter fan Zacharias Huber, notaris, sikretaris fan Westdongeradiel, en Sjouck Meylesdr Jensma; beide dogge belidenis Holwerd 1-11-1663 (De Heeren van den Raede 319).
Yn 1675 (FER H 47v) Jacob Jans c.s. kontra Taede Taedes om 7 karg. 14 st.
Bern: Zacharias 1664, Siouckje 1666, Taede 1670.
- Pyter, folget IIIa.
- Aene Taedes, ~ Hallum 16-4-1641, x 1. Hallum 4-10-1668 Berber Riurds; x 2. Hallum 24-5-1674 Tryntie Tyercx, widdo fan Symen Jeppes.
Yn 1677 (FER H 65, ek 56, 57, 76) Ane Taedes te Hallum kontra Joannes Rinties om 60 karg.
Yn 1691 (FER O1 266v) wurdt te Hallum de neilitenskip beskreaun fan Trijntie Tierckx op fersyk fan widner Aene Taedes en fan Siuck Pyers, adsistint, fâd oer Jeppe en Tryentie, de bern fan Trijntie by har earste man Symen Jeppes. Under de huzing wurdt 103 pm lân brûkt. Der is in tegoed fan 9 goudg. op Syds Tiaerds te Stiens fan keap fan lammen en in skuld fan 5 goudg. 10 st. by Jan Tades. De sulveren keatling komt Gertie Aenes ta.
Yn 1699 (FER Q1 163v) oerleit Jan Taedes, húsman te Bitgum, in rekken fan syn fâdij oer Gertie en Symon, de bern fan Aene Taedes en Trijntie Tierx. Gertie is troud mei Sioerd Pyters.
Bern: Geert ~ 1676, Symon.
- Jan, folget IIIb.
- Feddrick Taedes, ~ Hallum 3-9-1648, x (ûndertrou Hallum 17-11-1671) Eelck Hilbrands.
Bern: Geertie 1674, Roelef 1675, Grietie 1677.
Yn 1677 (FER H 69v) Jan Symens kontra Feddrick Tades om 15 karg.
IIIa. Pyter Taedes, x Hallum 5-10-1662 Tziets Willems; sy komme mei attestaasje per 13-8-1668 fan Lekkum nei Hallum;
Bern (doopt Hallum):
- Grietje Pieters, * (Lekkum) om 1663 hinne, docht belidenis Stiens 29-4-1688, ferhuzet mei attestaasje per 21-8-1729 fan dêr nei Koarnjum, lidmate dêr 1754, † Jelsum 26-12-1759, x Stiens 5-7-1685 Syds Tjeerds, smid te Stiens.
- Siuw Pytters, ~ Hallum 25-10-1668, x Hallum 19-4-1691 Meinert Sioukes, boer op stim 57 fan Hallum 1698, 1728, soan fan Sioucke Feickes, boer te Hijum. Hja dogge dêr belidenis 29-3-1693, binne dêr lidmaat 1734.
Op 1-11-1703 wurdt pake Sjouke Feikes te Hijum oansteld as fâd oer Teunis, omtrint 7 jier, soan fan Feike Sjoukes en Rikst Teunis te Hallum.
Op 17-11-1706 wurdt skoalmaster Berend Wiensens te Hijum oansteld as fâd oer Teunis Feikes, omtrint 10 jier, om de rekken op te nimmen fan dy syn omkes Meindert Sjoukes en Wietse Pieters; harren (skoan)heit Sjouke Feikes is stoarn.
Op 20-10-1717 wurdt Meindert Sjoukes, húsman te Hallum, oansteld as fâd oer Teunis Feikes, 21 jier.
Dopelingen te Hallum: Rinske 25-3-1692, Reiner 26-6-1695, Pytter 19-6-1701, Tjitske 22-9-1709.
- Willemke (22-5-1670).
- Taede (24-3-1672).
- Willem Pyters, ~ Hallum 24-3-1672, x (attestaasje fan Stiens 4-6-1698) Fock Romkes.
Op 11.1.1723 wurdt omke fan heitekant Teede Pieters, húsman ûnder Hallum, oansteld as fâd oer Tjitske, 14, dochter fan Willem Pieters, húsman dêr, en Foekje Romkes.
- Taede Pyters, ~ Hallum 21-12-1673, boer te Marsum 1749, x 1. Hallum 14-6-1696 Hittje Jakobs; x 2. Hallum 25-7-1723 Tietje Wybrens, ~ Hijum 8-1-1682, † Marsum 1756/57, widdo fan Thomas Hendriks en fan Djurre Fercks Wiglama, dochter fan Wybren Sipkes en Maycke Johannis.
Taede Pyters is yn 1698 en 1728 boer op stim 35 fan Hallum. Mei Hittje docht hy op 1-1-1697 te Hallum belidenis; hy en Tietje ferhuzje mei attestaasje per 15-5-1732 nei Marsum.
- n.n. (25-12-1675).
- Roelof (18-3-1677).
- Siouck (12-1-1679).
IIIb. Jan Taedes, fan Hallum, boer op stim 20 fan Feinsum 1698, † Dronryp 4-10-1715, x 1. (ûndertrou Hallum 24-7-1670) Sytske Tyerds, fan Ljussens; x 2. foar 1683 Sjoerdje Dirks, † Bitgum nei 1705, dochter fan Dirk Baukes en Antje Floris te Britsum.
Sjoch foar harren: GJb 1987 37, kert. Nieuwland 554/555, Dronrijps Memoriael 114.
Jan en Sjoerdje komme mei attestaasje per 14-8-1685 te Ferwert en ferhúzje mei attestaasje per augustus 1699 fan Feinsum nei Bitgum; hy is lidmaat te Dronryp 1709.
Yn 1705 (LWL H9 84, 85v) easket Sioerdtie Dirckx, frou fan Jan Taedes, fan Floris Dirckx te Britsum har oandiel op yn de neilittenskip fan har broer Pier Dirckx; mei-erven binne ek Dirck en Lysbeth Bauckes en Jentie (tinklik: Dirckx).
Yn 1708 is Jan Taedes eigner fan hûs floreennr. 1 fan Stiens, brûker is dan Syds Tiaards.
In soan is:
- Taede Jans, † Dronryp 19-1-1712, net troud.
Ut it twadde houlik:
- Geertje Jans, ek Gouden Geertje, ~ Marrum 19-5-1683, † Bitgum 23-11-1758, x Dronryp 24-5-1716 Gerke Johannes, fan Bitgum, ~ Tsjommearum 29-4-1683, † Bitgum 19-12-1758, soan fan Johannes Pytters en Lisck Gerckes.
Sjoch Grafschriften tussen Flie en Lauwers IV 121.
Gerke Johannes is yn 1728 eigner fan hûs floreennr. 1 fan Stiens.
- Pytter Jans, ~ Ferwert 4-10-1685.
- Grietje Jans, ~ Ferwert 3-4-1687.
Syds Tjeerds, fan Stiens, x Stiens 14-6-1691 Ybeltje Sjoerds, docht belidenis as jongfaam Stiens 28-10-1688; sy x 2. (tredde prokl. Jelsum 3-3-1695) Yde Sioerds, fan Wânswert, docht dêr belidenis aug. 1689, yn 1698 boer op stim 1 fan Marrum.
Mei peaske 1695 komt Yde mei attestaasje nei Jelsum, hy en Ybeltje binne lidmaten te Wânswert 1695, 1700.
Ut it houlik fan Ybeltje mei Yde:
- Andrieske, ~ Jelsum 2-2-1696.
- Sytske, ~ Marrum 16-7-1699.
- Hylkje, ~ Marrum 1-5-1701.
Oppasse dus, dy man kin like goed soan west hawwe fan Tieerd Sydses widdo.
It bliket net mooglik om spontaan te besluten fan wa’t ús Syds Tjeerds ien wie en dêrom moat earst syn ‘sinjalemint’ mar wat presisearre wurde. Alderearst mei fansels ferwachte wurde dat de namme Syds foarkomt yn de húshâlding fan syn âlden. Twad neamt ús Syds syn twadde soan Johannes. Dy namme komt net foar yn de famylje fan syn frou en moat dêrom ek hast wol út syn eigen famylje komme. As tredde en lêste: dy soan Johannes Sydses hat njoggen bern. De nammen fan dy bern fine wy allegear werom yn de famyljes fan Johannes en syn frou útsein de nammen Pytie en Akke. Ek dy nammen sille dus út de famylje fan Syds Tjeerds komme.
Wy meie no ferwachtsje dat yn de húshâlding fan de ûnbekinde Tjeerd, heit fan Syds Tjeerds, de nammen Syds, Johannes, Pytie en Akke foarkomme sille.
Dan kinne wy no beide kandidaat-âlderpearen ’ris better besjen.
Tiaerdt Sydses, fan Stiens, † 1675/85, x (tredde prokl. Stiens 14-10-1638) Dieu Auckedr, fan Hijum, widdo 1688.
Yn 1640 keapje Tiaerdt en Dieu in hûs te Stiens dat sy yn 1688 as widdo ferkeapet oan Syds Tieerts.
Yn de perioade 1654-’70 is Tierdt Sydsses kontinu doopsgesind lidmaat te Hallum/Hijum.
Wy meie yn it earstoan rekkenje dat dit ús Tiaerdt betreft. Syn frou Dieu is dêr net lidmate. Wol wurdt twaris yn 1660 ‘Dyeu Aucke molenaers’ notearre mar beide kearen is dy namme trochhelle en dy twadde kear liket it dat Dyeu ferbettere is yn Lisbet.
Yn 1675 (LWL V17 289v) binne Tieerdt Sytses en Dieuw Auckes te Stiens 150 goudg. skuldich oan Claes Fransen, lekkenkeaper te Ljouwert, fan winkelwaren. Sy stelle harren hûs ta ûnderpân.
Yn Stiens treffe wy twa famkes oan dy’t fan doopsgesinde komôf binne. Om dy reden kinne dat bern wêze fan Tiaerdt en Dieu:
1? Antie Tjaerds, x Stiens 20-2-1687 Pytter Sjoukes, groatmakker. Op 28-10-1688 docht hy belidenis en wurdt sy op belidenis doopt.
Yn 1687 (LWL Q6 58, V19 193v) keapje Pyter Sioukes en frou hûs c.a. te Stiens fan Pyter Heyns foar 280 goudg.; dat hûs stelle hja as ûnderpân foar in liening fan 550 karg. dat jier by Dieucke Ruierds, widdo fan Frans Haromans, te Ljouwert.
Yn 1698 en 1700 (LWL V19 8, 108) keapet Pytter Siouckes yn boelgoeden.
Dopelingen te Stiens: Djieuke 24-5-1688 en 21-4-1689, Siouke 9-11-1690 en 18-12-1692, Tjeerd 11-11-1694, Djieuke 10-4-1696, en Tjeerd 27-11-1698.
2? Engeltie Tjaerds, x (earste prokl. Stiens 24-4-1670) Ocker Johannes, ~ Stiens 13-10-1644, soan fan Johannes Roelofs en Trijn Ockers. Op 12-2-1682 docht hy belidenis en wurdt sy op belidenis doopt.
Dopelingen te Stiens: Trijntje, 1683 (x Hallum 1705 Hans Jesses) en Tjeerd, 1688 (1717 te Dronryp).
Hjir hawwe wy dus in húshâlding dêr’t de namme Syds yn foarkomt, de oare nammen net. It is lang net ûnmooglik dat Syds Tjeerds hjir ek by heart en dus fan hûs út doopsgesind wie. Syn frou wie gereformeard lidmate mar Syds net. Tiaerdt en Dieu hawwe, al mei al, mar inkelde spoarkes neilitten en op basis dêrfan is it net mooglik om út te meitsjen of sy de âlden west hawwe kinne fan Syds Tjeerds. Dêrom moat no dus earst mar besjoen wurde hoe’t de kânsen lykje mei dat oare kandidaat-âlderpear. Dan liket it goed om earst omtinken te jaan oan in mooglike broer fan ús Syds.
Johannes Tjaerds, skipper, docht belidenis Stiens 25-7-1686, x Stiens 1-3-1685 Tjietske Jentjes, docht belidenis Stiens 28-1-1683.
Dopelingen te Stiens: Pytje, 1685, Tjeerd, 1687, Grietje, 1688, Trijntje, 1690, Klaaske, 1692, Wytske, 1694, en Jentje, 1697. Tjeerd Johannes wurdt stamheit fan de famylje Steenstra fan Frjentsjer, Snits.
Yn dit fragment treffe wy dus de nammen Johannes en Pytje oan. Op grûn dêrfan soe men swarre dat wy hjir mei in broer fan Syds Tjeerds te krijen hawwe.
De oare kandidaat-âlders:
Tiaerd Sybes, * om 1632 hinne, (fear)skipper, † nei 1669, soan fan Sybe Tiaards en Pytie Oenes te Koarnjum, Jelsum, x (earste prokl. Stiens 21-5-1654) Pytje Oedzens, fan Jelsum; sy ferhuzet mei attestaasje per 14-10-1665 nei Ljouwert.
Hja keapje in hûs te Stiens yn 1656 en ferkeapje dat yn 1664.
Yn 1656 (LWL V12 323v) liene Tiaerd Sybes, skipper te Stiens, en Pitie Oedzes 50 goudg. fan Geel Tiaerts dêrre; de skuld is yn 1665 ôfbetelle.
Yn 1658 (LWL V13 96) keapet skipper Tiaerd Sybes te Stiens û.o. in ko yn in boelgoed.
Yn 1659 (LWL V13 192) liene Tiaerd Sybes, skipper te Stiens, en Pytie Oedzes 50 goudg. fan Watse Sibes Andringa en Jancke Sibolts Poelstra; Douue Ewerts lit yn 1670 witte dat de skuld ôflost is.
Yn 1659 (LWL V14 65v) liene Tiaerd Sybes, skipper te Stiens, en Pytie Oedses 32 goudg. fan Romcke en Agge Oenes as fâden oer Popke en Sibbel Sybes. De skuld is yn 1665 ôflost.
Yn 1660 (LWL V14 66) liene Tierd Sybes en Pitie Oedses te Stiens 203½ goudg. fan Romcke en Age Oenes as fâden oer de bern fan Sybe Tiaerts. Hja stelle fearskip, hynders, wein en it troch harren bewenne hûs as ûnderpân. Beide akten binne yn 1664 registrearre.
Popke en Sibbel Sybes binne broer en suster fan Tiaerd Sybes.
Yn 1665 (LWL V14 586) bekent Tiaerd Sybes dat Botte Jans, mr. kûper te Stiens, him 150 goudg. foarsketten hat op grûn fan de ferkeap fan it hûs.
Yn 1669 (LWL H8 119, 119v) is (omke) Douwe Tiaerts earst registrearre krediteur fan Tiaerd Sybes en frou; dan ek: Botte Jans te Stiens fanwege Tiaerd Sybes.
Ut dit houlik, doopt te Stiens:
- Claes, 6-5-1655. Grif is dit: Claes Tjaerdts x Menaam 30-5-1680 Aaltie Pytters, hja dogge belidenis Menaam 4-11-1681.
Bern: Tjaerdt 1681, Sybe 1682, Jan 1685, 1687.
- Johannes, 4-10-1657. Grif is dit de Johannes fan hjirboppe.
- Pytie, 25-3-1660. Tinklik is dit: Pytie Tyeerdsdr x (tredde prokl. Menaam 3-2-1684) Marten Janssen.
- Oene, 1-11-1661. Grif is dit: Oene Tjaerds x 1. Antie; x 2. Wier 1701 Aat Jacobs, fan Minnertsgea.
Bern, doopt te Wier:
1) Claas, 5-1-1696.
2) Pytie, 20-11-1698.
3) Wytske, 22-3-1705.
4) Tierd, 18-8-1706.
5) Aefke, 8-5-1709.
- Trijntie, 5-2-1664.
Mooglik ek, doopt te Menaam:
6? Pier, 23-5-1666.
It hat der alles fan dat dit stel yn 1665 Stiens ferlitten hat, miskien yn it earstoan ferweksele foar Ljouwert, sjoen de attestaasje fan Pytje. Yn 1669 libbet Tiaerd noch en wurdt yn Ljouwerteradiel oarder op saken steld mei de krediteuren. Dat jier wurde ek alle tersake akten registrearre. De famylje is rille útsprutsen gereformeard.
Moai oanslutend op it fertrek út Stiens wei wurdt yn 1666 te Menaam yn 1666 in Pier doopt mar dy kin ek wol soan west hawwe fan Tiaerdt Sybes (Brantsum) en Lysbeth Geertsdr dêrre. Wat letter krije wy sterk de yndruk dat it harren bern binne dy’t yn Menaam (en omkriten) trouwe want by dy harren bern treffe wy geregeldwei de nammen Sybe, Pytie en Wytske oan. Allinnich Johannes Tjaerds hie neat mei Menaam te krijen en jowt de yndruk dat hy Stiens nea ferlitten hat. Mar mei syn dochters Pytje en Wytske meie wy der lykwols op rekkenje dat ek dy Johannes Tjaerds hjir by heart.
Gearfetsjend treffe wy yn dizze famylje prominent de nammen Johannes en Pytje oan. Mar de oare nammen Syds en Akke dus alderminst. It liket útsletten dat ‘stamheit’ Tiaerd Sybes foar 1654 earder troud west hat. Wy sjogge foar him gjin oanlieding om in soan de namme Syds te jaan en fierder is der yn it rychje fan syn bern fan 1655-’64 eins ek gjin romte foar in ekstra bern. It liket my goed ta om Tiaerd Sybes no earst mar te skrassen as mooglike heit foar ús Syds Tjeerds.
Wy binne der net út. Ek as wy besykje oan de hân fan 17de ieuske Stienzers wat grip op de famylje(s) te krijen sjit it net echt op (of miskien al noch wat). As útgongspunt moatte wy oanhâlde dat der yn it lêst fan dy ieu twa nammegenoaten Syds Tjeerds wiene; de iene (uzes) troud yn 1685 en de oare yn 1691.
Ut earder Boelstra-ûndersyk hat bliken dien dat der healweis dy 17de ieu te Stiens ek twa (of oars trije) nammegenoten Syds Tjeerds wiene. Twa fan harren hiene wis in soan Tjeerd, de iene berne yn 1641 en de oare sawat yn 1642. Fan dy twa nammegenoaten Tjeerd Sydses wurde letter gjin spoaren mear oantroffen mar it is alderminst útsletten dat sy, of ien fan harren, wol folwoeksen wurden binne. Hjir wol ik no fierder koart mei wêze: it is my te krap om de tiid. It liket noch krekt mooglik dat ien fan harren de heit wie fan de Syds Tjeerds dy’t yn 1691 troude mar foar de brêgeman fan 1685 past dit net. Dan soene sawol heit as soan troud wêze ûnder de 22 jier en dat winskje wy in heit en soan net ta.
En om dan noch wer efkes op dy nammen werom te kommen: de striid hie him taspitst op de nammen Syds, Johannes en Pytie; dy woene wy ferklearre sjen en der wiene dus yndie famyljes dêr’t dy nammen thús hearden mar dan foar in part, net allegear.
Ek al om’t him gjin famylje oantsjinne hie dêr’t de namme Akke (Auck) prominent yn foarkaam wie dy namme wat yn it ferjitboek rekke. It alternatyf dêr’t ik no op útkom, Syds Popckes mei Auck Tyaertsdr, hat dan útrekkene wol de namme Auck (en Syds en Tyaert).
Ik wol no ôfstân nimme fan de namme Pytie as twingend betingst. Dy hat ús no wol genôch yn de besnijenis hân. It kin ek bêst sa west hawwe dat Johannes Sydses as seisde bern leaver in jongen sjoen hie sadat er lang om let syn pake Pyter ferneame koe. En dat er doe dat famke mar nei pake neamd hat. Dat wy de namme Johannes no net werom sjogge yn it foargeslacht sit my wol dwers. Strikt nommen wie de famylje fan Grietje Pyters oan bar om ferneamd te wurden. Of hiene hja Grietjes rejale omke Jan Taedes op it each en dy syn namme mar wat ferfraaid ta Johannes?
De boarnen dy’t folslein trochwurke binne:
LWL
sentinsjes H8, H9 oant 151 (1663-1741)
proklamaasjes Q4 90 o/m Q9 43 (1664-1723)
weesboeken 1661-1703 per klapper
MEN
proklamaasjes 1665-’76 (ek: 1598-1603)
BIL
hypteken N1
Dat betsjut dat LWL no wol útputtend dien is, dat hat eins gjin oar brûkber materiaal. Troch dy ekskurzje hawwe wy oars ek de ‘trije huzen’ kreas op in rychje krije kind en fierder hawwe wy no in rille folslein oersjoch fan de minsken mei namme Tyaerdt en Syds. Dat folget hjir noch efkes mar is net fan belang foar ús. It belang dêrfan is oars wol dat wy dy minsken no aardich oersjen kinne en dat makket ús kar foar wa’t dan de echte foarâlden wêze moatte makilker.
Tiaert Piters, fan Alde Leie, † foar 1662, x Ljouwert 6-2-1650 Jantien Aerns, fan Jelsum, † as widdo Stiens 25-2-1667.
Bern, ~ te Harns: Arent 4-9-1653, Aen 21-1-1655.
Tieert Folckerts, x Stiens 2-11-1649 Hiltie Edes.
Yn 1670 (LWL Q5 38v) ferkeapje de krediteuren fan Tieert Folckerts silger en Hiltie Edes in hûs te Stiens.
Bern: Aede 1654, Folckert 1657, Heere 1664.
Tiaert
Op 21-10-1652 wurdt Pier Feddes oansteld as fâd oer Pyter Tiaerts, yn syn 21ste, Rieme Tiaerts, yn har 19de, en Sytse Tiaerts, yn syn 16de.
Yn 1678 (LWL H8 231, 233v, 235) Ulcke Tiaerds te Ljouwert kontra Sytse en Rieme Tiaerds te Britsum; ek Fedde Tiaerds kontra dyselden.
Bern:
Pieter Tiaerts, * om 1632 hinne
Rieme Tieerts, * om 1634 hinne, ~ op belidenis Britsum 29-3-1657, fan Stiens, x 1. Britsum 1655 Uble Gaalts; x 2. Koarnjum 1-4-1659 Folckert Pieters, fan Stiens.
Sydse Tieerds, * om 1637 hinne, fan Britsum, x Britsum 20-5-1681 Foek Reyners.
Syds Tiaerts x (attestatie fan Stiens 2-2-1640) Auck / Ansck Jeppedr
Yn 1643 (LWL Q2 153) keapje Syds Tiaerts en Auck Jeppedr te Stiens 5 pm fan Baucke Tiaerts c.s. foar 246 goudg.
Tiaerdt Dirx
Op 8.5.1642 wordt Tiaerd Dirx te Stiens aangesteld tot voogd over Syds, weeszoon van wijlen Jasper Sydses (lês Sytses) bij weduwe Hotske Ates.
Sieds Tiaerts
Yn 1663 (LWL H8 4v) Sieds Tiaerts kontra de widdo fan Outger Martens; de keapsom fan de skarren gerslân is yn bewarring jûn.
Syds Doeckes, x 1. (prokl. Stiens 1653) Auck Douwes; x 2. (tredde prokl. Feinsum 16-6-1669) Antie Dioerris.
Bern, doopt te Stiens:
- Dirck, 25-3-1655.
- Dirck, 26-6-1659.
- Grietie, 1-6-1662.
- Jasper, 19-3-1665.
- Hiltie, 12-8-1666.
Dirk Sydses, ~ Stiens 26-6-1659, mr. glêsmakker, docht belidenis Stiens 1-5-1687, x Stiens 10-3-1685 Sibbeltie Douwes, komt mei attestaasje per 26-7-1685 fan Ljouwert nei Stiens.
Yn 1691 (LWL Q6 121v) keapje Dirck Sydses, mr. glêsmakker, en frou in hûs te Stiens, neilitten troch Sydts Doeckes, fan de earmfâden foar 52 goudg.
Bern, doopt te Stiens:
- Douwe, 17-7-1687.
- Aukjen, 3-3-1689.
- Gerbrig, 7-9-1692.
- Douwe, 15-12-1695.
- Hiltje, 5-6-1701.