Trije huzen te Stiens op in rychje (fan noard nei súd) mei kadaster- en floreennûmers.
Hijum B432 o/m 435 = floreennûmer 2.
1640: Willem Claesz eigner.
Yn 1656 (LWL Q3 178v) keapje Tiaert Piters en frou hûs en hof te Stiens mei neistlizzers de Heerenweg bewesten, Sipke Lolkes noard en east en Tiaerd Sydtses besuden, belêste mei 1 fl. pacht en ¼ fl. skatting, fan Willem Clasen, houtkeaper, en frou foar 575 goudg.
Yn 1662 (LWL Q4 71) keapet Oeds Pieters, frijfeint te Stiens, hûs en hof dêrre, dêr’t ferkeapster wennet, mei neistlizzers bakker Sipke Lolckes benoarden en Tiaerd Sydses besuden, belêste mei 1 fl. pacht en ¼ fl. skatting, fan Jancke Aernts, widdo fan Tiaerd Piters, foar 540 goudg.
Yn 1700 is Harmen Dirckx eigner en brûker fan in hûs, belêste mei ¼ fl.
Yn 1703 (LWL Q7 143) keapje bakker Wybe Pytters en Claes Rinses te Stiens in hûs c.a., belêste mei 1 fl. grûnpacht en ¼ fl. skatting mei neistlizzers de kleine weg east, Jan Taedes súd, de gemene dyk west en Dirck Claeses Gerbranda noard fan Harmen Dirckx, mr. weinmakker, foar 652 goudg.
Yn 1708 binne Claes Rinses en Wybe Pytters as keapers fan Harmen Dirckx eigners fan in hûs; dat hûs is ‘om ver gesmeete’ en der is in nij hûs delsetten, belêste mei ¼ fl.
Yn 1718: Claas Rinses en Wybe Pytters eigners fan twa nije huzen yn plak fan ien.
Yn 1721 (LWL Q8 251) keapet Ruird Lolckes te Stiens in hûs c.a. belêste mei 14 st. pacht oan de earmfâden en ¼ fl. skatting mei neistlizzers de kleine weg east, Tieerd Sydses súd, de Herenweg west en Wybe Pytters noard fan Hiltie Wytses, widdo fan Claas Rinses, foar 650 karg.
Yn 1728: Ruurd Lolkes en de widdo fan Wybe Pytters eigners.
Wannear’t yn 1721 ien fan beide huzen ferkocht wurdt, wurdt Tieerd Sydses opjûn as súdlik neistlizzer. Dat is dan net as eigner mar as brûker want eigner wie yn 1703 (hjirboppe) al Jan Taedes.
Hijum B436 o/m 438 = floreennûmer 1.
Yn 1640 (LWL Q2 132v) keapje Tiaerdt Sydses en Dieu Auckedr te Stiens hûs en hof mei neistlizzers Beernt Ruierdts besuden en Willem Claesz benoarden, belêste mei 28 st. pacht en ¼ fl. skatting, foar 300 goudg.
Yn 1688 (LWL Q6 64) keapet Syds Tieerts te Stiens in hûs c.a. dêr mei neistlizzers Piter Hommes besuden en Oedts Piters benoarden, belêste mei 28 st. pacht en ¼ fl. skatting fan de widdo fan Tieerd Sydses foar 250 goudg.
Yn 1700 is Syds Tierds eigner en brûker fan in hûs c.s., belêste mei ¼ fl.
Yn 1702 (LWL Q7 131v) keapje Jan Taedes en frou te Bitgum hûs en smidte c.a. yn de buorren fan Stiens, bewenne troch Syds Tiaards, belêste mei 1 fl. grûnpacht en ¼ fl. skatting, mei neistlizzers de kleine weg east, Pytter Hommes súd, de Heerenweg west en Harmen Dirkx noard, fan Arrien Dirckx Vonck dy’t yn 1702 dêrta machtige wie troch de krediteuren fan Syds Tiaards, foar 375 goudg.
Yn 1708 is Jan Taedes eigner, Syds Tiaards bewenner.
Yn 1718: Jan Taedes eigner, Johannes Sydses brûker.
Yn 1721: Tieerd Sydses.
Yn 1728: Gerke Johannes eigner, Johannes Hendrix brûker.
Yn 1738: Gerke Johannes eigner, Jelle Hommes brûker.
Yn dit hûs sûnt 1688, en wierskynlik net earder, in smidte.
Hijum B439, 440.
1640: Beernt Ruierdts eigner.
Yn 1656 (LWL Q3 172v) keapje Tiaerd Sybes, skipper, en Pytie Oedses it hûs c.a. te Stiens dêr’t hja wenje mei neistlizzers Gerrit Goikes mei syn brûkte 1 pm súd en Tiaerd Sydses noard, belêste mei 42 st. pacht en ûnderhâld fan de pomp mei it rjocht fan gebrûk fan 1½ kogong yn de ‘groote buire fenne’, belêste mei ¾ fl., fan Beern Ruirts te Feinsum foar 528 goudg.
Yn 1664 (LWL Q4 118; ek V14 585v, V15 3v) keapje Jelte Minnes, smid, en Jitske Gerckes te Stiens hûs en hof dêrre mei neistlizzers Tieerd Sytses benoarden, de Herenweg west, gêsthûslannen súd en de kleine dijk east, belêste mei 2 karg. 2 st. pacht en ûnderhâld oan de pomp oan de kleine weg, mei in ‘ploeghijserwerck’ fan Tiaerd Sybes en Pyttie Oedses foar 500 goudg. Fierder it rjocht fan gebrûk fan 1½ skar garsinge yn de Buirefenne dat ûnder it hûs heart foar 11 jier foar 100 goudg.; it grêf op it tsjerkhof bliuwt oan de ferkeapers. Yn 1670 lit Douue Ewerts witte dat de keapsom foldien is.
Yn 1671 (LWL Q5 49) keapje Sytse Minnes en Lysbeth Jansdr te Stiens hûs c.a. mei ‘smitte en de smidtsgereedschappen’ sa’t dy troch ferkeaper ‘inden winckel ende tot den selven ambachte zijn gebruickt’ mei neistlizzers de dyk east, it gêsthûslân brûkt troch Gerryt Goickes súd, de Heerenwech west en Tierdt Sydses noard, belêste mei 42 st. pacht oan de earmfâden, mei it gebrûk fan 1½ kogong yn de ‘patroons- of groote buire fenne’ fan Douue Ewerts en frou foar 860 goudg.
Douwe Everts troude yn 1668 Jetske Gerckes dy’t earder, yn 1660, smid Jelte Minnes troude.
Yn 1674 (LWL Q5 87v) keapje Oeds Pyters, timmerman, en frou te Stiens hûs en hof mei neistlizzers de kleine weg east, gêsthûslannen súd, de Heerenweg west en Tiaerd Sydses noard, belêste mei 42 st. grûnpacht en it oandiel yn ûnderhâld fan de ‘waterpomp leggende inde cleyne wech’ fan Eelck Willems foar 625 goudg. ynklusyf it smidsark dat taksearre is op 100 goudg.
Yn 1685 (LWL Q6 27v) keapje Pyter Hommes en frou te Stiens in hûs c.a. dêr mei neistlizzers de kleine weg east, gêsthûslân súd, de Herenweg west en Tiaerd Sydses widdo noard, belêste mei 42 st. grûnpacht en oandiel yn it ûnderhâld fan de pomp yn de kleine weg, fan Oeds Pyters foar 400 goudg.
Yn 1716 (LWL Q8 151v) keapje Jan Dirks Fonk, ekskuteur fan Ljouwerteradiel, en Rinske Sybes te Stiens in hûs c.a. dêr bewenne troch ferkeapster, belêste mei 42 st. grûnpacht oan de earmfâden fan Stiens en ûnderhâld oan de pomp mei neistlizzers de kleine weg east, gêsthûslân súd, Heereweg west en de erven fan Jan Taedes noard, fan Sioukjen Pytters, frou fan Elert Tiepkes te Stiens dy’t dat krigen hie troch skieding mei har heit Pytter Hommes en as erfgenamt fan har mem Claaske Reynerts foar 650 goudg.
Ek hjirre, fan 1664-’74, dus in smidte.