Dizze Genealogy Bouma omfiemet fragminten út de stambeam fan it slachte Bouma fan Hallumerhoek. 
Under Napoleon nimt Gæle Broers dêr dy achternamme oan, grif nei it boulân dêr’t dit folk op boddet.
Gæle is nôtkeapman en kastlein en kin net skriuwe, mar syn frou Baukje Hessels Hommema komt út in laach fan stjerrekundigen.
Under de neiteam binne it meast keaplju, gerniers en arbeiders. 

Gaele Broers Bouma oannimming achternamme yn 1811

Gæle Broers Bouma nimt op 30-1-1812 de achternamme Bouma oan foar himsels en syn seis bern:

Voor ons Maire der Gemeente Hallum Canton Hallum Arrondis / sement Leeuwarden Departement Vrieschland, Gecompareerd zijn= / de Gæle Broers wonende te Hallum heeft de zelve verklaard / dat hij aanneemt den naam van Bouma als familie naam, / En dat hij heeft zes kinderen met name Broer, oud Elf Jaren, Hessel oud tien Jaren, Dirkje oud Acht Jaren, Liesbert oud vijf / Jaren, Pieter, oud Drie Jaren en Lolke oud Zes maanden / En daar dezelve op onze daar toe gedane aanvrage verklaard heeft / niet te kunnen schrijven, Zo is deze door ons vertekend Deze / Dertigste Januarij Een Duizend Achthondert en twaalf. / J:G: Arentsma Martin

Algemiene tajochting genealogy.

Undersyk:
-Erfgoed Fundaasje, Ljouwert.
Wurk yn útfiering – wurdt fuortset. De nûmering is noch net folslein omdat oan dizze stambeam noch wurke wurdt. Op termyn wurdt dizze side oerset yn ’t Ingels.
Foar oanfullingen en ferbetteringen, foto’s en oare yllustraasjes, info@erfgoed-fundaasje.nl

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/decades
[] = begroeven/buried
§=meidieling/tafoeging/anekdoate; wêrjûn yn grien
DG=doopsgesind
G=Grifformeard
GT=gjin tsjerkegenoatskip
KO=Kristlik Ofskieden (>Kristlik Grifformeard)
NH=Nederlâns Herfoarmd
Romeins sifer = oantsjutting generaasje
Arabys sifer = folchnûmer yn ’e generaasje

GENERAASJE I
I.1 Gæle Broedriks * Marsum omstrings 1705 ~ Stiens, op belidenis, 3-11-1730 † Berltsum omstrings 1775;
it patronym hat gâns farianten: Broederix, Brodriks, Broers, Brudderiks;
yn 1728 is in Gæle Brudderiks brûker fan stim 43 te Stiens, foar de helte yn eigendom fan ds Johannes Henricus Becker; it giet hjir mooglik om deselde Gæle Broers;
lidmaat te Marsum yn 1740 en 1748, ferfart yn 1764 nei Bartlehiem;
x 1 Marsum 27-5-1725 IJtje Klasen
x 2 Marsum 6-9-1739, hy fan Marsum, sy fan Berltsum, Sytske Martens
Bern út it earste boask:
1 Claas Gæles ~ Stiens 2-11-1727
Bern út it twadde houlik:
2 Broer Gæles Bouma, folget II
3 Martentje Gæles  * omstreeks 1755 ~ Ouwesyl, op belidenis, 24-5-1779 † Nijesyl onder Hallum 29-10-1816, huusnr 213, 61 jaar en 9 dagen; bij fersterven lidmaat te Ouwesyl; weunt in 1790 in Froubuurt; Martentsy wordt in hur sterfakte niet andúd met ’n achternaam;
x Tjerk Pyters Roorda * St.-Anne omstreeks 1740 † onder Froubuurt 15-3-1813, huusnr 222, 73 jaar, erbaaier onder Froubuurt; sn fan Pyter Tjerks Roorda (ok: Roda) en Geertje Wygers, bouboeren onder Froubuurt, Geartsy Wygers weunt in 1795 op Ouwesyl

GENERAASJE II
II Broer Gæles (postúm: Bouma) * Marsum 29-5-1740; 
x Feinsum 17-3-1771 (hy fan Berltsum, sy fan Feinsum; mei attestaasje fan Berltsum) Tettje Pyters Roorda * Froubuorren omstrings 1737; dr fan Pytter Tjerks Roorda en Geertje Wygers, bouboeren ûnder Froubuorren; Tetsy is in suster fan har sweager Tsjerk
Bern:
1 Gæle Broers Bouma, folget III.1

§ TSJERK SIL SYN SUSTER TETSJE SNOARSKE NEAME
Dizze Bouma’s binne trijerisom besibbe oan deselde Roorda’s. Dit skaai Roorda fiert har fan foardat Napoleon heil seach yn it registrearen en oannimmen fan achternammen.
Broer Gæles Bouma I is troud mei Tetsje Roorda en syn suster Martentsje mei Tsjerk Roorda. Sadwaande wurde broer en suster ek sweager en skoansuster. Suster Aafke Roorda is beppe fan Gerlof Broers syn omkesizzer Neeltsje Brolsma. 
Dat sit sa: 

Pytter Tjerks Roorda * omstrings 1710 † omstrings 1767;
x 1732 Geertje Wygers * omstrings 1710 † St.-Anne 29-7-1795
Bern:

1 Tettje Pytters Roorda, sjoch II
2 Aafke Pytters Roorda * St.-Anne omstrings 1738 † Hallum omstrings 1781;
x Froubuorren 27-3-1769 Jan Jans Brolsma * Hallum 11-7-1742 † dêr omstrings 1784; bouboer op De Brol ûnder Hallum; sn fan Jan Jacobs Brolsma en Jeltje Douwes;
soan: Pieter Jans Brolsma, sjoch § WOL EN NET GELETTERD, hjirûnder
3 Tjerk Pytters Roorda, sjoch I.1.3
4 Cornelis Pytters Roorda * St.-Anne omstrings 1741; x St.-Anne 29-11-1778 Tetje Jacobs

GENERAASJE III
III.1 Gæle Broers Bouma * Berltsum 5-4-1772 † Hurdegaryp 29-4-1829, 54 jier; keapman, omstrings 1802 te Stiens, yn 1804 ûnder Aldebiltsyl; yn 1811 keapman te Hallum, yn 1814 dêr nôtkeapman; yn 1820 keapman te Stiens; by fertsjerren kastlein ûnder Hurdegaryp (hûsnr 76);
x Stiens 17-5-1798 Baukje Hessels Hommema * Feinsum 26-2-1777 † Harns 4-10-1848 (Hoogstraat B 53), 71 jier; yn 1837 sûnder berop te Ljouwert; dr fan Hessel Lolkes Hommema en Lysbeth Roelofs, bouboeren te Feinsum
Bern:
1 Broer Gæles Bouma, folget IV.1
2 Hessel Gæles Bouma * Stiens omstrings 1802 † Ljouwert 8-5-1870, 68 jier; by trouwen sûnder bepaald berop, dan ek Sersjant Majoor by de de Earste Ofdieling Mobile Fryske Skuttterij; keapman te Ljouwert;
x Ljouwert 15-11-1835, 34 en 40 jier, Johanna Carolina Magdalena Lentz * Grins omstrings 1795 ~ dêr 9-1-1795 † Ljouwert 2-12-1867, 71 jier; Johanna ferklearret by har trouwen dat se gjin skriuwen leard hat; Lutersk; dr fan Richart Lentz, boekbiner te Grins, en Johanna Frederika Stoll
3 Dirkje Gæles Bouma * Aldebiltsyl omstrings 1804 † Harns 11-2-1863, Wyk A nr 105, 59 jier; by trouwen sûnder berop te Stiens; docht op 20-5-1827 belidenis te Stiens; sy en har man as lidmaten op 14-11-1827 oerskreaun fan Stiens nei Marrum; op 5-11-1830 oerskreaun fan Marrum nei Holwert; op 13-6-1836 as lidmaten oerskreaun fan Ballum op ’t Amelân nei Holwert; op 28-2-1845 ynkommen fan Holwert yn Ferwert; op 27-11-1851 oerskreaun fan Ferwert nei Harns; 
x Ljouwerteradiel 10-5-1827, beide 23 jier, Wopke Cornelis Smith * Marrum 24-5-1803 ~ dêr 29-5-1803 † Harns 20-2-1865, Wyk A nr 105, 61 jier (ynstjerakte neamd: Smit); by trouwen timmerfeint te Marrum; docht 29-4-1828 belidenis te Marrum; yn 1828 Mr timmerman te Marrum; yn 1831 Mr timmerman te Holwert, yn 1833, ’38, ’40 dêr neamd timmerman; yn 1834 timmerman te Hollum op ’t Amelân; yn 1848 idem te Ferwert; yn 1851 timmerfeint te Harns; yn 1858, ’63 dêr neamd timmerman; by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Cornelis Sybrens Smith, Baas Smid te Marrum, en Hendrikje Wopkes
4 Lysbert Gæles Bouma * Stiens omstrings 1806 † dêr 9-7-1824, nr 77, 18 jier; sûnder berop te Stiens
5 Pieter Gæles Bouma * Hallum omstrings 1808 † Harns 2-3-1890, Wyk A, 81 jier; by trouwen bakker en skutter by de Mobile Fryske Skutterij te Harns; breabakker te Harns, yn 1874 dêr sûnder berop;
x 1 Harns 16-12-1837, 28 en 29 jier, Fokeltje Klazes Groot * Makkum 13-3-1809 † Harns 15-1-1849, Wyk B nr 55, 39 jier; Fokeltsje kin net skriuwe; by trouwen faam te Harns; dr fan Klaas Gerrits Groot, farrensgesel te Makkum, ferstoarn op Weltevreden, Nederlâns Oast Indië, en Antje Ymes Baarda
x 2 Harns, 15-9-1864, 55 en 52 jier, Jetske Petrus Lomars * Ingelum 18-3-1812 † Penjum 24-8-1895, 83 jier; by earste en twadde houlik sûnder berop te Penjum; dr fan Petrus Nathanael Lomars, dûmeny te Ingelum en Penjum, en Catharina Wybes de Vries;
Jetske x 1 Wûnseradiel 1-6-1833, 21 en 22 jier, Rients Lieuwes Bangma * Penjum 12-11-1810 † dêr 24-4-1862, 51 jier; bouboer te Penjum; sn fan Lieuwe Rintjes Bangma en Wypkjen Wiebes Tilstra, bouboeren te Penjum
6 Lolkje Gæles Bouma * Hallum 30-3-1818 ~ Harns, op belidenis, 25-7-1844 † Harns 20-6-1851, 33 jier; by trouwen faam te Harns;
x 1 Harns 9-5-1839, beide 21 jier, Simon Ymkes Kamminga (by berte en ferstjerren ynskreaun as: Simon Camminga) * Harns 1-3-1817 † dêr 19-4-1905, 88 jier; docht op 25-7-1844 belidenis te Harns; kantoarfeint te Harns; yn 1851 dêr kupersfeint; yn 1842, ’47, ’52 dêr kuper (Sâltsleat 102); yn 1866, ’71 dêr pakhúsfeint (hûsnrs C1Q, 162, J10, D78, E49, 106, F82, E139, E189, E103); yn 1868 dêr ‘Heerenknecht’, yn 1880 dêr húsfeint; sn fan Ymke Klazes Kamminga, yn 1817 pakhúsfeint te Harns , yn 1827 dêr arbeider (Sâltsleat B118), yn 1852 dêr kommandeur fan de turfdragers, en Saakje Johannes van der Veer;
Symen x 2 Harns 12-2-1852, 34 en 39 jier, Jetske Johannes Sjollema * De Lemmer 7-6-1812 † Harns 24-3-1866, Wyk A nr 12, 53 jier; by trouwen sûnder berop te Harns; dr fan Johannes Piers Sjollema, yn 1794 te Ljouwert, yn 1795 te Idaard, 1799 te Grou, yn 1800 te Boksum, 1800 te Ljouwert, 1812 op ’e Lemmer, yn 1812 Frânsk skoalmaster te Aldeboarn (nr 198), yn 1814 dêr sûnder berop, yn 1815 kantoarfeint te Frjentsjer, yn 1820 keapman te Grou, komt op 27-1-1826 út Ljouwert yn Harns, by ferstjerren yn 1826 dêr arbeider (Wyk G nr 248), en Klaaske Sytzes Mouwers (ek: Maurits);
Symen x 3 Harns 20-9-1866, 49 en 34 jier, Tætske van der Burg (by de geboarte ynskreaun as: Teetske; fierders ek: Teedsche) * Harns 2-11-1831 † dêr 8-12-1868, Wyk A nr 11, 37 jier; by trouwen sûnder berop te Harns; dr fan Hilarius Everts van der Burg (ek: Hylke van der Burg), yn 1831 trekskipper te Harns, yn 1833 dêr pakhúsfeint, yn 1839, ’48 dêr arbeider (Wyk D nr 46, Nieuwstraat D 142), en Minke Rintjes van der Post 
7 Tettje Gæles Bouma * Hallum 6-4-1814 ~ Harns, op belidenis by de Herfoarme Gemeente, 27-4-1832 † Harns 17-1-1894, 79 jier; by trouwen faam te Harns; wennet dêr yn 1832 by de Franekerpoort;
x Harns 21-5-1835, 21 en 24 jier, Cornelis Alberts Boonstra * Harns 16-3-1811 ~ dêr, op belidenis by de Minnisten, 23-3-1834 † dêr 24-9-1882, 71 jier; DG; by trouwen ferversfeint te Harns, dêr letter glêsmakker en ferver-hússkilder; sn fan Albert Thomas Boonstra, (tekenet by de geboarte fan Knillis: Albert Tomas, sûnder fan; letteroan skriuwt er him Boonstra), sâltsiedersfeint yn ‘De Engel’ te Harns,  yn 1840 keetfeint, yn 1849 dêr sâltkeetfeint (Memories van successie; ynvintarisnr 7020aktenr 1481), en Trijntje Cornelis Vorst (Tryntsje kin net skriuwe);
in dochter fan Tettsje en Knillis, Cornelia Alida Boonstra, is troud mei de fotograaf Hendrik Antonie Karel Ringler te Bolswert en Ljouwert, dy’t gâns portretten makket.

§ WOL EN NET GELETTERD
Yn ien en itselde famyljeferbân kinne de lju wol en net skriuwe.
Gæle Broers Bouma, nôtkeapman en kastlein, ferklearret by berte en boask fan syn kroast dat er gjin skriuwen leard hat. Syn frou Baukje Hessels Hommema hat dêrfoaroer in sierlike en feardige hân.

Baukje Hessels Hommema
De hantekeningen fan Pieter Gæles Bouma (III.1.5) en syn mem Baukje Hessels Hommema ûnder Piter syn akte fan boaskjen

Baukje is in suster en muoikesizzer fan ’e stjerrekundigen Roelof Hessels Hommema en Arjen Roelofs
De bern fan Gæle en Baukje kinne wol skriuwe. Twa skoandochters, Jehanne Lentz en Fokeltsje Groot, ha dat net yn ’e macht; mar de oare twa, Sytske Gerlofs Tanja en Jetske Lomars wol: de iene is in boeredochter en de oare in dûmenysbern.
Gerlof Broers V.1 syn frou Antsje Extra is famylje fan famylje fan ’e Hommema’s. Antsje har skoanmem, Baukje Hommema, is in suster fan Antsje har broer Durk syn skoanmem, Tsjitske Hommema.
Hjirûnder in oersicht:
Durk Jacobs Extra * Stiens omstrings 1811 † Ljouwert, yn it ‘Huis van Opsluiting en Tuchtiging’, wenjend te Stiens, 25-2-1848, 35 jier; arbeider te Stiens; yn 1839 stiet yn it Befolkingsregister fan Stiens by him: 28 [jier]/…/werkbode/…/Gedetineerd in het Huis van Arrest te Leeuwarden; yn Durk syn stjerakte stiet: /…/zijnde dezelfs Familie onbekend/…/
x Ljouwerteradiel 10-10-1839, 28 en 23 jier, Neeltje Pieters Brolsma * Hallum 19-10-1815 † dêr 25-9-1875, hûsnr 69b, 57 jier; docht op 21-5-1839 belidenis te Stiens; by earste en twadde boask en ferstjerren sûnder berop te Stiens; yn 1854 dêr naaister; dochter fan:
Tjitske Hessels Hommema * Feinsum 28-8-1778 † Stiens 24-9-1848, 70 jier;
x Hallum 1800 Pieter Jans Brolsma * Hallum omstrings 1777 † Stiens 24-8-1837, 66 jier; (DG), yn 1812 gernier te Hallum, yn 1815 dêr arbeider, yn 1818 gernier te Feinsum, yn 1828 arbeider te Stiens, yn 1832 dêr postrinder te Stiens, by ferstjerren yn 1837 mei 66 jier postboade ûnder it behoar fan Koarnjum.
Neeltsje x 2 Ljouwerteradiel 3012-1848, 33 en 26 jier, Jan Krijns bij de Leij * Stiens 13-8-1822 † dêr 2-2-1909, 86 jier; earst NH, letter KO; by trouwen ynlânsk kreamer* te Stiens (hûsnr 7a), yn 1854 dêr keapman; ferhuzet op Alde Maaie1854 út Stiens nei Hijum, dêr arbeider; komt 31-12-1859 yn Stiens; komt Alde Maaie 1861 as ferpleegde mei frou en fjouwer bern yn it Earmhûs te Stiens (hûsnr 53); yn 1875 arbeider te Stiens; yn 1883 dêr keapman; sn fan Krijn Lipkes bij de Leij, arbeider te Stiens, en Maartje Wybes Boorsma 
* In ynlânsk kreamer hat fergunning om mei hannel by de doarren lâns te suteljen of op ’e merk te stean. Nei de Frânske tiid moatte se patintbelesting betelje en registreard stean yn it Patintregister.
Jan Krijns bij de Leij wurdt op 23-7-1851 feroardiele ta acht dagen gefangenisstraf fanwegen mishanneling (Rol fan strafsakenargyfnr 18-02, Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert; ynvintarisnr 85akte 3222)

 

Broer Gaeles Bouma hantekening trou-akte
Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Broer Gæles Bouma en Sytske Gerlofs Tanja. Sytske har mem, Grietje Wytzes van der Weit, tekenet nei har. Broer syn mem is der net by; syn heit jout mûnling tastimming, ‘/…/ verklarende de Vader / van de Bruidegom niet te kunnen schrijven, uit hoofde hij zulks niet / heeft geleerd.- De hantekeningen rjochts binne fan net-besibbe tsjûgen. Twa stippen, of in dûbelde punt achter de inisjalen is yn dy tiid gebrûklik

GENERAASJE IV
IV.1 Broer Gæles Bouma (yn Boargerlike Stân ek: Bouwma; skriuwt sels: Bouma) * Stiens omstrings 1800 † dêr 1-7-1831, 31 jier; by trouwen keapman te Stiens; sûnt 10-1-1823 kastlein op Kopkewier te Westernijtsjerk (nr 31); by ferstjerren kastlein te Stiens;
x Ljouwerteradiel 21-12-1820, beide 20 jier, Sytske Gerlofs Tanja * Stiens 5-12-1800 ~ dêr 24-5-1801 † dêr 14-5-1847, hûsnr 232, 46 jier; by earste houlik sûnder berop te Stiens; kastleinske op Kopkewier ûnder Westernijtsjerk, docht op 29-4-1828 belidenis te Westernijtsjerk, wurdt op 21-11-1830 as lidmaat oerskreaun fan Westernijtsjerk nei Stiens; yn 1831, ’33 dêr kastleinske; yn 1835 kastleinske ûnder Westernijtsjerk; yn 1845 wurkfrou te Stiens; yn 1846 en by ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Gerlof Piers Tanja en Grietje Wytzes van der Weit, bouboeren te Stiens;
Sjoch: Genealogy Koopal/Koopmans – V13
Sytske x 2 Ljouwerteradiel 26-6-1833, 32 en 29 jier, Jan Rienders Zijlstra * Grou 26-12-1803 † dêr 20-11-1869, 65 jier; yn 1828 timmerfeint te Stiens, yn 1829, ’33, ’40, ’48, ’57 dêr neamd timmerman, yn 1847, ’49 dêr neamd timmerfeint (nrs 83b, 283); ferfart 14-5-1869 út Stiens nei Grou, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Riender Jans Zijlstra, timmerman, te Pieterzijl, Grinslân, yn 1826 te Stiens, en Antje Tjalkes Bouma;
Jan x 1 Ferwerteradiel, 24 en 25 jier, 18-9-1828, Ytje Joukes Miedema * Stiens 10-6-1803 ~ dêr 10-7-1803 † dêr 13-1-1831, hûsnr 83, 27 jier; by trouwen faam te Stiens; dr fan Jouke Gerbens Miedema, bouboer en tsjerkfâd te Stiens, en Maaike Jelmers Stapert
Sjoch: Kertiersteat Anneke Bouma – nrs 192 en 193
Bern Zijlstra út it earste boask:
1 Maaike Jans Zijlstra * Stiens 24-6-1829 † Landsmeer, Noard-Hollân, 27-12-1920, 91 jier; by trouwen sûnder berop te Stiens, wennet yn 1908 te Amsterdam; x Ferwerteradiel 16-5-1857, beide 27 jier, Tjeerd Douwes Dijkema * Hallum 23-3-1830 † Feinsum 4-2-1908, 77 jier; by trouwen en yn 1868, ’71, ’80 arbeider te Hallum, yn 1887, ’96 idem te Feinsum; broer fan Hyke (IV.5), sn fan Douwe Tjeerds Dijkema en Hiske Piers van der Zaag, geniers te Hallum
Bern Zijlstra út it twadde houlik:
2 Antje Jans Zijlstra * Stiens 5-5-1835 † dêr 9-1-1857, 21 jier
3 Riender Jans Zijlstra * Stiens 28-1-1840 † dêr 9-3-1840, 5 wike
4 Riender Jans Zijlstra * Stiens 5-4-1841 † It Mar, Skoaterlân 9-1-1896, 54 jier; ferhuzet op 1-4-1860 as ûnderwizer út Stiens nei Tsjom; yn 1870 haadûnderwizer te Warkum; by ferstjerren sûnder berop te It Mar;
x Warkum 27-11-1870, 29 en 30 jier, Regnera Theodora de Cock * Koudum 7-10-1840 † Snits 4-11-1919, 79 jier; dr fan Theodorus de Cock, yn 1837 ûnderwizer te Harns, yn 1840 idem te Koudum, en Jetske Jans van der Brug
1 Regnera x 1 Himmelumer Aldefurd 26-3-1865, 24 en 29 jier, Theunis Meines Bergsma * Nijehoarne 2-11-1835 † dêre, wenjend yn It Heidenskip,18-10-1865, 29 jier; by trouwen helpûnderwizer te Jiskenhuzen, earder te Blesdike, by ferstjerren skoallehaad yn ’t Heidenskip ûnder Warkum; sn fan Meine Harmens Bergsma, yn 1835 ûnderwizer te Nijehoarne, yn 1858 dêr skoallehaad, en Aaltje Luitjes Tietema 
Bern fan Broer Gæles Bouma en Sytske Gerlofs Tanja:
1 Gæle Broers Bouma * Stiens 13-8-1821 † Grand Rapids, Kent, Michigan, USA, 20-6-1888, 66 jier; yn 1845 arbeider te Stiens, yn 1847 idem te Hijum; yn 1848 dêr koaltsjer; yn 1857 arbeider te Hallum; yn 1866 molktaper te Harns; yn 1874 dêr winkelman; yn 1875, ’77, ’81 dêr wer neamd molktaper;
x Ljouwerteradiel 8-5-1845, 23 en 25 jier, Wikje Doekes van der Woude * Stiens 14-2-1823 † Grand Rapids, Kent, Michigan, USA, 29-6-1902, 79 jier; Wikje kin net skriuwe; by trouwen faam te Stiens; dr fan Doeke Jennes van der Woude, arbeider te Stiens, by ferstjerren mei 57 jier wenjend yn it Earmhûs te Stiens, (Doeke kin net skriuwe), en Liutske Jacobs Bijlsma, yn 1816 wurkfrou te Stiens (Luertske tekenet har trou-akte yn 1816 mei: Liutske Jacobs Bilsma; ek: Lutske Japiks; Luertske wurdt ek neamd: Steensma)
2 Gerlof Broers Bouma, folget V.1
3 Grietje Broers Bouwma
* Kopkewier ûnder Westernijtsjerk 26-1-1825 † Feinsum 19-9-1850, hûsnr 72, 25 jier; by trouwen boerefaam ûnder Stiens; by ferstjerren sûnder berop te Feinsum;
x Ljouwerteradiel 14-5-1846, (yn trou-akte: Bouwma, tekenet sels: Bouwma), 21 en 26 jier, Johannes Kornelis Bakker * Feinsum 22-4-1820 † dêr 10-6-1863, hûsnr 72, 43 jier; by trouwen arbeider ûnder Stiens; yn 1825 poldermûner te Feinsum; yn 1848 dêr arbeider; by ferstjerren dêr wer poldermûner; sn fan Kornelis Heins Bakker en Mettje Johannes Klinkhamer, gerniers ûnder Stiens
4 Lolke Broers Bouma * Kopkewier ûnder Westernijtsjerk (nr 31)16-8-1826 † Burum 16-2-1874, 47 jier; yn 1848 mûnersfeint te Feinsum; by earste boask groatmakkersfeint te Wurdum; by twadde houlik groatmakker en kastlein te Jorwert, yn 1857 dêr groatmakker, yn 1866 dêr kastlein; by ferstjerren kastlein te Burum;
x 1 Ljouwerteradiel 8-5-1856, 29 en 28 jier, Grietje Wybes de Jong * Wurdum 15-8-1827 † Jorwert 14-9-1860, 32 jier; DG; sûnt Alde Maaie 1851 faam te Huzum, by trouwen dêr sûnder berop; ferfart Alde Maaie 1856 út Wurdum nei Jorwert; dr fan Wybe Gerbens de Jong en Durkjen Sjoerds Greben, boeren en komelkers ûnder Wurdum 
x 2 Ljouwert 17-5-1862, 35 en 38 jier, Dieuwke Jans Bikbergen * Ljouwert 2-3-1824; komt 9-7-1896 út Bûtenpost yn Burgermerheide, Dieuwke is dêr naaister, ferfart dêrwei op 1-5-1879 nei Arnhem; dr fan Jan Lammerts Bikbergen, yn 1823 gernier te Ljouwert, yn 1824 dêr keapman, en Maaike Bastiaans Smit, yn 1862 kastleins te Ljouwert;
Dieuwke x 1 Ljouwert 16-1-1850, 25 en 26 jier, Cornelis Errits de Vries * Ljouwert 19-1-1823 † dêr 2-8-1859, 36 jier; by trouwen skippersfeint te Ljouwert; yn 1850 dêr skipper; yn 1852, ’55 en by ferstjerren dêr keapman; sn fan Errit Cornelis de Vries, yn 1823 skippersfeint te Ljouwert, yn 1825 dêr skipper, en Maria Aukes Visser
5 Sjoerd Broers Bouma * Kopkewier ûnder Westernijtsjerk 21-11-1828 † Hallum 3-7-1895, 66 jier, [] Hallum; yn 1857, ’65 arbeider te Hallum; yn 1859, ’62 dêr slachter (‘vleeschhouwer’); yn 1863 dêr keapman; by ferstjerren dêr gernier;
x Ferwerteradiel 16-5-1857, 28 en 23 jier, Hyke Douwes Dijkema * Hallum 27-8-1833 † dêr 15-5-1920, 86 jier, [] Hallum; by trouwen faam te Hallum; dr fan Douwe Tjeerds Dijkema en Hiske Piers van der Zaag, gerniers te Hallum

§ HERBERCH KOCHT EN FERKOCHT
Broer Gaeles Bouma keapet op 10-1-1823 fan Ysbrand Fransen Galema te Westernijtsjerk in hûs mei herberch te Westernijtsjerk; keapsom: f 4.575,00; notaris: Jan Hzn Albarda te Marrum; Repertoire: 101054
Broer ferkeapet op 29-5-1823 in hûs mei herberch te Westernijtsjerk; keapsom: f 4.500,00; n
otaris: Jan Hzn Albarda te Huzum;
Repertoire: 064004

 

GENERAASJE V
V.1 Gerlof Broers Bouma * Stiens 14-10-1822 † Hallum 5-11-1883, 61 jier; yn 1841, ’49, ’50, ’52, ’56, ’58 winkelman te Hallum; yn 1847 en by ferstjerren dêr arbeider;
x Ferwerteradiel 5-5-1849, 26 en 28 jier, Antje Jacobs Extra * Stiens 19-6-1820 (twilling mei Berend) † Hallum 5-4-1899, 78 jier; by trouwen faam te Hallum; dr fan Jacob Durks Extra, arbeider te Stiens (hûsnr 27), en Trijntje Johannes Prins.
Jabik Durks nimt op 28-12-1811 de namme Ekstra oan; letter yn ’e Boargerlike Stân meast: Extra, inkeld ek: Ekstra; Jabik kin net skriuwe
Bern:
1 Jacob Gerlofs Bouma * Hallum 24-6-1850 † dêr 4-7-1851, 1 jier
2 Jacob Gerlofs Bouma, folget VI.1 
3 Broer Gerlofs Bouma, folget VI.2
4 Gerlandje Gerlofs Bouma
* Hallum 31-8-1858 † dêr 14-10-1864, 6 jier
5 Berend Gerlofs Bouma * Hallum 24-7-1864 † Huzum 7-11-1917, 53 jier, [] Hallum; diaken en âlderling by de Nederlâns Herfoarme Tsjerke te Huzum  by trouwen arbeider te Hallum; túnker te Huzum, wenjend yn it weeshûs; sûnt 31-12-1889 weesheit fan it Tjallinga Weeshûs te Huzum (hûsnrs D114, A15, B99);
x Ferwerteradiel 16-11-1889, 25 en 23 jier, Geertje Jacobs Stelpstra * Hallum 3-8-1866 † dêr 19-7-1936, 69 jier, [] Hallum; by trouwen bewaarskoallehâldster te Hallum; sûnt 31-12-1889 weesmem fan it Tjallinga Weeshûs te Huzum; ferhuzet dêrwei op 14-12-1920 nei Ljouwert (Wybrand de Geeststrjitte U2b); ferfart dêrwei op 28-7-1928 nei Den Haach; komt dêrwei op 15-3-1928 yn Ljouwert; ferhuzet dêrwei op 21-4-1932 nei Hallum; dr fan Jacob Berends Stelpstra, yn 1866 arbeider te Hallum,  yn 1889 dêr frachtrider, en Henderica de Rooy van Gosliga

 

§ FERNEAMING GERLOF EN GERLAND
Gerlof Broers Bouma (V.1)>pake: Gerlof Piers Tanja x Grietje Wytzes van der Weit, bouboeren ûnder Stiens>pake: Gerlof Sybes Baarda x Geertje Lolkes Fopma, bouboeren op Heslinga state ûnder Marsum>pake: Gerlof Sybes Baarda x Pierke Dirx, bouboeren ûnder Marsum>pake: Gerlof Franses Baerdt x Jatje Ruurds, bouboeren ûnder Marsum.
Gerlandje Gerlofs Bouma (V.1.4) is grif ferneamd nei har âld-muoike, suster fan har beppe Sytske (IV.1) Gerlantje Gerlofs Tanja * Stiens 18-2-1802 ~ dêr 18-7-1802 † Hallum
29-12-1888, 86 jier; bouboerinne ûnder Hallum;

x Ljouwerteradiel 7-5-1824, 22 en 30 jier, Pieter Sierds Heidanus * Feinsum 3-5-1794 ~ dêr 1-6-1794 † Hallum 22-4-1883, 88 jier; bouboer ûnder Hallum. 
Gerlantje Gerlofs Tanja is ferneamd nei har beppe: Gerlantje Gerlofs Baarda, sjoch: Kertiersteat Ymkje Piers Grovenstein – nr 47; sjoch fierders: Fernoeming Gerlant


§
BEARN BOUMA, LEAVE WEESHÚSHEIT
Zijne herinnering zal in ons steeds dankbaarheid wekken

De eigen-berneleazen Bearn Gelfs Bouma en Geartsje Stelpstra binne achtentweintich jier heit en mem fan it Tsjallinga Weeshûs te Huzum. Nei alle genoegen, docht út de rouadvertinsjes bliken. De bern neame him in leave pleechheit en de fâden tsjûgje fan in fader mei de measte tawijing en leafde. Neffens de Boargerlike Stân is Bearn oansteld as weesheit yn 1889 en soe er dat hast 28 jier west hawwe; de reginten neame tolve jier.
It is yn dy tiid útsûnderlik dat ien en deselde persoan yn ’e krante mei fiif ferskillende advertinsjes betocht wurdt en foar in net-begoedige man boppedat op meardere data.

Berend Gerlofs Bouma rouadv G. Stelpstra
Ljouwerter Krante, 8, 10 en 12-11-1917
Berend Bouma rouadvertinsje pleechbern
Ljouwerter Krante, 8 en 12-11-1917
Brend Bouma rouadvertinsje Herf. Gem. Huzum
Ljouwerter Krante, 8 en 12-11-1917
Berend Bouma rouadvertinsje reginten Tjallinga Weeshûs Huzum
Ljouwerter Krante, 8, 10 en 12-11-1917


GENERAASJE VI

VI.1 Jacob Gerlofs Bouma * Hallumerhoek 13-6-1852 † dêr 26-8-1905, 53 jier; by earste houlik en yn 1882, ’83, ’86 beurtskipper te Hallumerhoek; yn 1883 dêr arbeider; yn 1887 dêr fearskipper; yn 1891 dêr skipper; by ferstjerren dêr gernier;
x Ferwerteradiel 21-5-1881, 25 en 28 jier, Antje Jans van der Weg * St.-Jabik 15-12-1855 † Hallumerhoek 22-11-1887, 31 jier; by trouwen sûnder berop te Holwert; dr fan Jan Rochus van der Weg, arbeider te Froubuorren, gernier te St.-Jabik, kastlein en taper te St.-Anne, ferfart 8-5-1892 mei de húshâlding nei Noard Amearika, en Oetske Jans Glastra van Loon; 
Jabik x 2 Ferwerteradiel 23-5-1891, 38 en 39 jier, Reino Reinders Elzenga (ek: Elzinga; tekenet sels: Elzenga) * Hallum 6-4-1852 † dêr 8-6-1936, 84 jier; by trouwen sûnder berop te Hallum; dr f. Reinder Jelles Elzenga, arbeider te Hallum, en Fokje Jacobs Helder, by ferstjerren yn 1878 arbeidster te Hallum (Fokje kin net skriuwe)
Jabik keapet op 26-1-1901 huzen anneks hokken en bougrûn te Hallum fan Willem Hendriks Willems van Calsbeek te Ljouwert; keapsom: f 2.801,00; notaris: Jan Tjebbes te Ljouwert; Repertoire: 081055; aktenr: 00031
Sjoch: Genealogy Van der Weg – VI.1.2
Bern:
1 Gerlof Jacobs Bouma, folget VII 
2 Jan Jacobs Bouma
* Hallumerhoek 21-10-1883 † dêr 27-12-1930, 47 jier; gernier te Hallum
3 Broer Jacobs Bouma * Hallumerhoek 23-6-1886 † dêr 2-10-1886, 3 moanne
3 Oetske Jacobs Bouma
* Hallumerhoek 21-10-1887; wennet fan 7-8-1887 oant 23-11-1892 yn it hûs fan har pake en beppe Jan Rochus van der Weg en Oetske Jans Glastra van Loon te St.-Anne (nrs 408d, 420), dy ferfarre op 8-5-1890 nei Noard Amearika; Oetske wennet dan wierskynlik yn itselde hûs by har muoikes Van der Weg (se wurdt dan Oedske Anna Bouma neamd); se wennet yn 1906 yn ’e Hallumerhoek, oer har is dan tasjend fâd har omke Broer Gerlofs Bouma: ûnder de rou-advertinsje fan har heit stiet A. Bouma, is dat Oetske, en lit se har dan Anne neame? Nei har mem, dy’t in moanne nei har geboarte ferstoar? 

Jacob Gerlofs Bouma rouadv 1905
Ljouwerter Krante, 31-8-1905


VI.2 Broer Gerlofs Bouma
* Hallum 22-1-1856 † dêr 14-11-1933, 77 jier; arbeider op Alde Leie ûnder Hallum;
x 1 Ferwerteradiel 19-5-1883, 27 en 24 jier, Grietje Lipkes bij de Leij * Hallum 25-7-1858 † dêr 9-11-1887, 29 jier; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Hallum; dr fan Lipke Klazes bij de Leij, (ek: Liebbe), yn 1861 kreamer te Hallum, yn 1883  dêr winkelman, en Katalina Jelles Elzenga
x 2 Ferwerteradiel 11-5-1889, 33 en 28 jier, Akke Lipkes bij de Leij * Hallum 17-1-1861 † dêr 7-6-1939 78 jier; by trouwen sûnder berop te Hallum; suster fan Gryt 
Bern út it earste boask:
1 Antje Broers Bouma * Hallum 11-5-1884; by trouwen faam te Hijum;
x Ljouwerteradiel 21-5-1913, 29 en 24 jier, Bauke Tjepkes de Vries * Feinsum 18-8-1888; by trouwen arbeider te Feinsum; sn fan Tjepke Dirks de Vries, yn 1883, ’88 arbeider te Feinsum, yn 1910, ’13 dêr gernier, en Sibbeltje Theunis Kroese
2 Gerlof Broers Bouma * Hallum 23-7-1886; komt op 22-5-1896 út Ferwert yn Stiens as tsjinstboade by W. Sobel; ferhuzet dêrwei op 9-7-1897 nei Hallum; ferhuzet op 30-10-1900 út Hallum nei Stiens, dêr ynwenjend slachtersfeint by Klaas Nijboer; ferfart dêrwei op 26-5-1902 nei Ljouwert
3 Katalina Broers Bouma * Hallum 2-3-1890 † 14-6-1967, 77 jier, [] Jobbegea (op grêfstien: Catolina); by trouwen faam op ’e Gordyk;
x Skoaterlân 28-5-1914, 24 en 28 jier, Minko Hendriks van Dam * Jobbegea-Skuorregea 12-8-1885 † 25-4-1988, 102 jier, [] Jobbegea; by trouwen arbeider te Jobbegea-Skuorregea; yn 1937 dêr greidboer; broer fan Brand van der Dam (VI.2.5), omke fan Antsje van der Dam (VI.2.7); sn fan Hendrik Romkes van Dam (skriuwt him yn beide farianten: Van Dam en Van der Dam), arbeider en winkelman te Jobbegea-Skuorregea, dêr letter greidboer (nrs 92, 146), en Fokje Tjitses Alberda
4 Grietje Broers Bouma * Hallum 16-8-1891; by trouwen naaister te Hallum; komt op 9-7-1925 út Hallum (nr 593) yn St.-Jabik;
x It Bilt 2-7-1925, 33 en 39 jier, Hein Sydses Hogerhuis * St.-Jabik 17-1-1886; GT; by trouwen en yn 1933 arbeider te St.-Jabik (nr 759); sn fan Syds Heins Hogerhuis, (GT), arbeider yn ’e Westhoek ûnder St.-Jabik (nrs 183a, 481a, 470, 472, 454, 753), yn 1925 gernier te St.-Jabik, en Hinke Alles Kaper (NH)
Bern út it twadde houlik:
4
 Geertje Broers Bouma * Hallum 15-8-1893 † Ljouwert, wenjend te Hallum, 3-8-1954, 61 jier, [] Hallum;
x Ferwerteradiel 11-5-1918, beide 24 jier, Douwe Dirks Visbeek * Hallum 19-3-1894 † 12-2-1974, 79 jier, [] Hallum; by trouwen arbeider te Hallum; sn fan Dirk Hendriks Visbeek, arbeider te Hallum, Froubuorren en Minnertsgea, en Cecilia Ædes Hofstra
5 Lipkje Broers Bouma * Hallum 30-12-1894
x Frjentsjerteradiel 22-11-1919, 24 en 27 jier, Brand Hendriks van der Dam * Jobbegea-Skuorregea 23-11-1891; arbeider, ferfart 6-6-1913 nei Wommels; komt as masjinist op 27-6-1914 út Lichtenvoorde, Gelderlân, yn Jobbegea, ferhuzet dêrwei op 7-3-1919 nei Olterterp, by trouwen dêr sintrifugist; broer fan Minko, (VI.2.3), sn fan Hendrik Romkes van der Dam en Fokje Tjitses Alberda
6 Jantje Broers Bouma * Hallum 12-11-1896 † Aldebiltsyl 25-10-1954, 57 jier, [] Froubuorren; by trouwen sûnder berop te Hallum;
x Ferwerteradiel 16-5-1928 Hendrik Hommes Geertsma * Anreeperveld, gemeente Assen, 10-8-1899 † Ljouwert 5-4-1972, 72 jier, [] Froubuorren; yn 1916 arbeider te Skingen, yn 1922 te Minnertsgea, yn 1928 idem te Kubaard, seis moanne dêrfoar te Hallum, yn 1954 arbeider op Aldebiltsyl; sn fan Homme Tjeerds Geertsma, arbeider, ûnder oaren te Boppe-Knipe, Ie, St.-Jabik, Skingen, Tsjummearum, en Aukje Hendriks Loonstra (Aukje kin net skriuwe)
Hindrik x 1 Barradiel 8-2-1922, 22 en 21 jier, skieding fûnis Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 29-9-1927, Jeltje Bouma * Berltsum 29-4-1900; by earste houlik sûnder berop te Minnertsgea; dr fan Hendrik Hendriks Bouma, yn 1896, 1900 arbeider te Berltsum, yn 1922 idem te Minnertsgea, en Gatske Gerrits Tigchelaar;
Jeltsje x 2 Ljouwert 24-11-1928, 28 en 29 jier, Dirk Geerts Limburg * 3-11-1899; sn fan Geert Limburg en Lijsbert Gerrits Tigchelaar
7 Jacob Broers Bouma * Hallum 17-1-1901; sûnt 30-5-1924 arbeider by P. Hoogland te Hallum; by trouwen arbeider te Hijum (hûsnr 139); ferfart dêrwei mei Antsje op 17-5-1927 nei Ljouwert;
x Ljouwerteradiel 16-5-1925, 24 en 22 jier, Antje Romkes van der Dam * Hoarnstersweach 19-3-1903; ferhuzet -5-1919 út Hoarnstersweach nei Jobbegea; ferhuzet dêrwei op 22-5-1920 nei Hoarnstersweach; by trouwen faam te Menaam; wurdt dêrwei oerskreaun op 23-7-1925 nei Hallum; dr fan Romke Hendriks van der Dam, fjildarbeider, ferfart -11-1901 út Jobbegea nei Hoarnstersweach; komt -6-1903 dêrwei yn Jobbegea; ferhuzet dêrwei op 19-9-1905 nei Ljouwert; ferhuzet op 23-4-1911 út Jobbegea nei Snits, yn 1925 gestichtsbehearder te Terbant, en Antje Barends Bos


§ TWARISOM BIJ DE LEIJ EN BOUMA
Broer Gerlofs Bouma (VI.2) is troud mei twa susters Bij de Leij.

Hjirûnder in koarte stamrige:
I
Krijn Jouws
 (ek: Crijn); docht belidenis te Driezum op 8-11-1750; wennet yn 1751, ’58 te Damwâld; yn 1760 te Moarmwâld, yn 1783 dêr lidmaat;
x Klaaske Liepkes ~ Driezum, op belidenis, 8-11-1750; ek: Claaske Lubkes); dr fan 
II
Lipke Krijns bij de Leij
(yn doopboek: Lubke) * Moarmwâld 26-5-1760 ~ dêr 22-6-1760 † op Alde Leie ûnder Feinsum 23-4-1832, hûsnr 45, 72 jier; gernier, yn 1811 te Hijum, yn 1811, ’12, ’15 op Alde Leie ûnder Feinsum; yn 1831 sûnder berop te Froubuorren;
x Feinsum 19-6-1791 Antje Klazes Hoogterp ~ Hallum 9-6-1771 † Feinsum 27-6-1824; dr fan Klaas Thomas en Janke Hessels
III
III.1 Krijn Lipkes bij de Leij
* Hijum 27-3-1792 ~ dêr 29-4-1792 † Stiens 18-10-1861, 69 jier; by trouwen gernier te Feinsum, letter idem op Alde Leie ûnder Feinsum; yn 1830 keapman en winkelman te Stiens (hûsnr 153); yn 1832 arbeider ûnder Stiens;
Kryn nimt op 31-12-1811 de namme Bij de Leij oan foar him en syn fjouwer bern.
Kryn is lotteling út de lichting 1812 Kanton Ljouwert; lotnr 29; hy lit him ferfange troch in ûnbekende nûmerferwikselder mei lotnr 81 (HCL 197a U1 Liste Alphabetique lichting 1812 mairie Stiens, folchnr 12)
x 1 It Bilt 27-7-1817, 25 en 22 jier, Maatje Wybes Boorsma (meast: Maartje; tekenet sels ûnder de trou-akte mei: Maatje) * Froubuorren 30-8-1794 ~ dêr 14-9-1794 † Stiens 18-5-1830, hûsnr 153, 35 jier; by trouwen sûnder berop te Froubuorren, by ferstjerren idem te Stiens; dr fan Wybe Annes Boorsma en Trijntje Jans, timmerlju te Froubuorren
x 2 Ljouwerteradiel 20-12-1832, 40 en 30 jier, Tjeerdtje Sjoukes Tuinstra * Hallum 26-12-1801 ~ dêr 17-1-1802 † dêr 23-10-1867, hûsnr 35, 65 jier; Tsjeerdtsje kin net skriuwe; by trouwen yn 1832 faam te Stiens; by fertsjerren sûnder berop te Hallum; dr fan Sjouke Dirks Tuinstra (yn 1812 yn stjerakte neamd: Tuin), arbeider te Hallum (nr 84), en Berendtje Broers
       Bern: Jan Krijns bij de Leij x Neeltje Pieters Bolsma, sjoch hjirboppe: § WOL EN NET GELETTERD
III.2 Klaas Lipkes bij de Leij * Hijum 23-2-1801 † Stiens12-11-1877, hûsnr 65, 76 jier; yn 1828, ’29 gernier op Alde Leie ûnder Feinsum; yn 1831, ’35 dêr arbeider; yn 1831 idem te Froubuorren; op Alde Leie ynlâns kreamer (hûsnr 34), winkelman, yn 1851 dêr neamd keapman, yn 1851 dêr wer arbeider; by ferstjerren sûnder berop te Stiens;
x 1 It Bilt 19-5-1831, 30 en 39 jier, Grietje Jans Bakker * Hollum, it Amelân, 1791 † Alde Leie ûnder Feinsum 9-8-1849, 58 jier en rom 10 moanne (hûsnr 34); Gryt kin net skriuwe; by trouwen wurkfrou te Froubuorren, by ferstjerren sûnder berop op Alde Leie; dr fan Jan Dirks Bakker, yn 1831, ’36 bakkersfeint te Hollum, by ferstjerren yn 1847 mei 76 jier dêr arbeider (hûsnr 198), en Tytje Klazes Klein (ek: Tietje; en: Kleyn; Jan is geboaren te Stiens; Jan en Tytsje kinne net skriuwe)
x 2 Ljouwerteradiel 27-6-1851, 50 en 46 jier, Trijntje Sipkes Swart (yn stjerakte: Zwart) * Hijum 21-4-1805 ~ Feinsum-Hijum 19-5-1805  † Stiens 27-1-1888, hûsnr 128, 87 jier; Tryntsje kin net skriuwe; se ferhuzet 12-11-1872 fan Alde Leie nei it Earmhûs yn Stiens, by ferstjerren sûnder berop te Stiens; dr fan Sipke Pybes Swart en Geertje Joukes Tijsma (ek: Zwart; en: Tiesma)
IV
Lipkes Klazes bij de Leij
* Feinsum 21-1-1828 † Hallum 21-1-1895, 67 jier; by trouwen kreamer op Alde Leie ûnder Feinsum; yn 1852, ’58, ’61 idem ûnder Hallum; yn 1864 oant syn ferstjerren dêr winkelman;
x Ferwerteradiel 15-5-1851, 23 en 26 jier, Katalina Jelles Elzenga (ek: Catalina) * Hallum 27-6-1824 † dêr 19-12-1905, 81 jier; by trouwen naaister op Alde leie ûnder Hallum; dr fan Jelle Reinders Elzenga (by namme-oanniming yn 1811: Elsenga; Jelle tekenet by trouwen yn 1823 en by de geboarte fan Katalina: Elzijnga), Mr skuonmakker op Alde Leie (hûsnr 242), en Akke Feikes van der Ploeg (ek: Akke Feykes; en: Ploegstra; Akke kin net skriuwe)
Lipke keapet op 16-8-1856 fan Rinze Jans Jippes te Hallum in hûs op Alde Leie; keapsom: f 255,00; notaris: Egbertus Petrus Brunger te Froubuorren; Repertoire: 134040; aktenr: 00158
Bern:
Grietje Lipkes bij de Leij
Akke Lipkes bij de Leij
beide dames x Broer Gerlofs Bouma, sjoch VI.2


§ TRIJERISOM VAN DER DAM EN BOUMA
Bouma’s binne trijerisom besibbe oan Van der Dam: Minko (VI.2.3) en Brand Hendriks van der Dam (VI.2.5) en Antje Romkes van der Dam (VI.2.7).
Bern en bernsbern fan:

I
Brand Jans van der Dam; arbeider yn ’e Kompenije ûnder Jobbegea-Skuorregea (hûsnr 122h);
x Grietje Johannes
II
Romke Brands van der Dam * Jobbegea-Skuorregea 15-8-1794 † dêr 27-4-1885, 88 jier, hûsnr 92; Romke kin net skriuwe; arbeider yn ’e Kompenije ûnder Jobbegea-Skuorregea (ûnder oaren yn in net-nûmere hûs, mooglik in plaggehut), oant syn ferstjerren mei 88 jier;
x Skoaterlân 29-5-1825, 30 en 26 jier, Saakjen Pieters * Hoarnstersweach 2-8-1798 † Jobbegea-Skuorregea 30-12-1875, 77 jier; Saakje kin net skriuwe; by trouwen faam ûnder Hoarnstersweach; by ferstjerren sûnder berop te Jobbegea-Skuorregea; dr fan Pieter Hendriks en Grietje Brugts
III
Hendrik Romkes van der Dam * Jobbegea-Skuorregea 21-9-1839 † dêr 26-2-1911; GT; winkelman, arbeider en boer te Jobbegea-Skuorregea (nrs 92, 146, 168);
x Skoaterlân 21-3-1869, 29 en 17 jier, Fokje Tjietzes Alberda * Hoarnstersweach 24-5-1851 † Jobbegea-Skuorregea 29-7-1938, 87 jier; GT; by trouwen arbeidster te Jobbegea-Skuorregea; dr fan Tjietse Syttes Alberda (ek: Tjitse; en: Sietes), yn 1846 arbeider te Jobbegea-Skuorregea, sûnt Alde Maaie 1850 te Hoarnstersweach, sûnt Alde Maaie 1857 te Jobbegea-Skuorregea (nrs 131, 95a) oant syn ferstjerren mei 67 jier, en Minke Jelles Dijkstra (ek: Menke)

De namme Van der Dam wurdt yn dit skaai yn ’e midden fan ’e 19e iu meast: Van Dam.

GENERAASJE VII
VII.1 Gerlof Jacobs Bouma (Gelf) * Hallumerhoek 17-3-1882 † dêr 9-9-1942, 60 jier, [] Hallum; yn 1905 beurtskipper te Hallum, yn ’e Hallumerhoek; by trouwen dêr gernier; sûnt omstrings 1910 dêr ierdappelkeapman; by ferstjerren dêr neamd boer;
x Ferwerteradiel 13-6-1908, 26 en 25 jier, Sjoukje Jacobs van den Berg * Froubuorren 4-1-1883 † Hallum 28-11-1954, 71 jier, [] Hallum; by trouwen faam te Stiens; dr fan Jacob Popkes van den Berg, (G), yn 1864 skipper te Hijum, keapet yn 1868 dêr in hûs (keapsom: f 3.300,00), dêr ek keapman; sûnt Alde Maaie 1877 keapman te Froubuorren (hûsnr 370a); yn 1881 turfskipper te Hallum, yn 1883 idem te Froubuorren, yn 1892 turfskipper wenjend yn syn skip te Hijum, sûnt 4-12-1884 skipper te Hallum, sûnt 3-6-1896 idem te Hijum en dêr brânstofhanneler (hûsnrs 123, 59, 10, 119), yn 1919 en by ferstjerren yn 1923 dêr sûnder berop, en syn twadde frou Grietje Dirks Galema
Bern:
1 Jacob Gerlofs Bouma * Hallumerhoek 19-8-1910 † dêr 15-1-1911, 4 moanne, [] Hallum 
2 Jacob Gerlofs Bouma, folget VIII.1 
3 Jan Gerlofs Bouma, folget VIII.2
4 Grietje Gerlofs Bouma * Hallumerhoek 28-4-1916 † 4-10-2001, 85 jier, [] Marrum; by trouwen sûnder berop te Hallum;
x Ferwerteradiel 10-6-1937, 21 en 25 jier, Pieter Martens van der Wal * Marrum 19-2-1912 † 27-7-1973, 61 jier, [] Marrum; slachter te Marrum; sn fan Marten Alefs van der Wal, yn 1906 slachter te Minnertsgea, yn 1912 te Marrum, en Elisabeth Pieters de Groot

Gerlof Jacobs Bouma rouadvertinsje
Ljouwerter Krante, 11-9-1942

§ IERDAPPELHANNEL YN ’E HALLUMERHOEK

It hûs fan Gelf en Jaap Bouma yn ’e Hallumerhoek neffens in tekening fan Jentsje van der Kooi

Gelf Jabiks Bouma en syn soan Jaap ha har ierdappelhannel yn ’e Hallumerhoek. De Hoekststerfeart rint oant 1978 oan dat stee ta. Hjir is in haventsje dêr’t de ierdappels fan Gelf Jabiks ynladen wurde yn pream en snikke. Op ’e tekening is yn ’e rjochter hoeke noch in stikje fan ’e feart te sjen. Mei de ruilferkaveling wurdt it lêste stik dimpt. 
Foar de ferkaveling rint de Mariëngaarderwei hjiroan ta en de Hearrewei hâlde op by it it transformatorhúske, achterop ’e print.
De Iene helte fan it hûs wurdt bewenne troch Gelf Jabiks Bouma en it oare part troch syn mem en broer Jan en suster Gryt. Achter hynder en wein stiet it hûs ferskûle fan Keimpe Halma, de lêste winkelman yn ’e Hoek.
Boarne: Us doarp Hallum yn ’e tritiger jierren, gearstallers: Jentsje van der Kooi, Jaap Meinsma, Sieds Rienks, eigen behear, Hallum 2000, side 67

GENERAASJE VIII
VIII.1 Jacob Gerlofs Bouma (Jaap) * Hallumerhoek 3-12-1911 † dêr 15-8-1965, 53 jier, [] Hallum; ierappelhanneler op itselde stee as syn âlden yn ’e Hallumerhoek;
x Ferwerteradiel 20-6-1936, 24 en 23 jier, Wijtske Halma * Hallum 6-1-1913 † Ljouwert 24-10-2005, 92 jier, [] Hallum; by trouwen sûnder berop te Hallum; dr fan Anne Keimpes Halma, yn 1895 arbeider te Hallum, yn 1913 dêr keapman, yn 1936 dêr sûnder berop, en Aaltje Formers van der Ploeg

VIII.2 Jan Gerlofs Bouma * Hallumerhoek 28-9-1913 † Deventer 7-10-1979, 66 jier, [] Hallum; ferhuzet op 8-6-1930 út Hallum nei Ljouwert en wennet dêr yn by syn muoike Geartsje Stelpstra; ferhuzet dêrwei op 29-10-1930 nei Hallum; folget de HTS te Ljouwert; wurket as boukundige te Willemsstad op Curaçao, earst by Shell, letter hat er syn eigen boukundich advysburo. Komt om 1970 hinne mei frou en bern werom nei Nederlân, wenjend te Dimter
x B. Smidt

Jan Gerlofs Bouma rouadvertinsje
  Ljouwerter Krante, 9-10-1979