In koarte kronyk

Yn ’e 19de en begjin 20ste iu ferrize ûnderskate partikuliere ierdappelhannelshuzen út de fette klaai yn ’e Klaaiboustreek. Dy komme gauris fuort út lytse en gruttere ierappelgernierkerijen. In gernier is in spesjalist op it gebiet fan ’e teelt fan benammen ierdappels, flaaks en grienten.
Wat in waaksdom.
Ambisjeuze gernierssoannen wolle har eigen fruchten sels ferkeapje en boare dêrfoar in merk oan. Dy merk om har hinne waakst yndied ûnder har keapmanshannen.
Sa ek de Brandsma’s te Stiens. Grûnlizzers binne Hilbrand Johannes Brandsma en Johanna Klazes Osinga, de nûmers 2 en 3 yn dizze kertiersteat.
It bedriuwsargyf is gelokkich bewarre bleaun.

Erfgoed Fundaasje soarget derfoar dat de oanbelangjende argiven beskreaun wurde, feilich steld foar de takomst en tagonklik makke foar agrarys ûndersyk.

Dêrby giet it ek om de famyljeskiednis.
Oer-oerpake Jan Hillebrands (nr 16) ûntlient yn 1811 de achternamme oan syn heit Hillebrand Ytzens.
De Osinga’s binne foar in grut part geseten, eigenerfde boeren.
Mar guon kinne dat boerebestean net bolwurkje: by tsjinslaggen binne der gjin fersekeringen, likemin boargen.

It sechje gong:
Earst boer, dêrnei gernier, kastlein, dan mei ’t gat op ’e fuormanswein en op ’t lêst as arbeider nei de ein.

Oerpake Gerrit Osinga (nr 12) docht it krektoarsom en ek wer net: hy wurket him op fan arbeider ta gernier en wurdt dan fuorman.
Pake Klaas (nr 6) klimt op fan feint ta frachtrider.

Foar mear ynformaasje, sjoch Kertiersteat Johannes en Age Brandsma

In the 19th en 20th century, multiple private potato trade houses rise up from the rich clay in the Klaaiboustreek, which is an agricultural part of Fryslân. Those trade houses often originated from small and bigger potato horticultures. A horticulturist is a specialist when it comes to the cultivation of especially potatoes, flax, and vegetables.
The sons of the ambitious horticulturists wanted to sell their products themselves and tap into that market. The market around them indeed grew bigger in their merchant hands.
Thus also the Brandsma’s in Stiens.

 


Reklame foar de Frânse merk

Bodders mei de lodde yn ’e hân op it lân ûnder Stiens
1ste fan links ûnder: Sjoerd Johannes Brandsma (broer fan nr 2 yn dizze kertiersteat)
steand:
2e fan links: Hilbrand Johannes Brandsma (nr 2)
4e fan links: Age Haarsma, de twadde man fan Tetje Roelofs Brolsma (sjoch nr 7)

Setters ôfleverje by de loads yn Stiens
Midden: Jentsje Joutes Miedema, bouboer op Mellinga state ûnder Stiens.1970

Rjappelsykje ûnder de klokslach fan Stiens
Rjochts: Age Brandsma. Simmer 1975


Op it kweekfjild. Goud yn ’e hannen

1e fan links: Age Brandsma, 3e fan links: Johannes Brandsma. 1977

Even lins op ’e rjappelbakjes mei kofje en koeke
Age Brandsma en Reimer van der Schaaf, fan ’e Ierdappelkwekersorganisaaje N.V. FOBEK (Foar Boer En Keapman) te Bitgummole. Stiens, jierren 1980

Oarkonde foar it 90-jierrich bestean fan e firma

In knappe partij poaters?
Age Brandsma en jerappelkweker Johannes Olivier, út ’e Hallumerhoek. Om 2010 hinne