De kristlike legere skoalle fan Bitgum nimt syn oanfang net te Bitgum, mar te Marsum as dêr in oprjochtingskommisje begjint mei de tarieding fan de Christelijk Nationale School. Dat is om ende by 1868. Fan ’e fiif manlju is ien grifformeard, de oaren otterdoks Herfoarmd.
De earste stien fan it gebou wurdt lein op 22 augustus 1870, oan ’e Skoallestrjitte 10 te Marsum. De skoalle is bestimd foar learlingen út Bitgum, Deinum, Ingelum en Marsum.
De Tariedingskommisje, wurdt omfoarme ta it earste bestjoer, dat bestiet út:
-Pier Hedzers Rijpstra, foarsitter, earst meast presidint neamd; Nederlâns Herfoarmd; boer te Ingelum; sjoch foar personalia: Kertiersteat Sytske Melia Rienks – nr 10.
-Sybren Jacobs van Tuinen, skriuwer; Kristlik Grifformeard, Ofskieden; gernier op ’e Harne te Ingelum; sjoch: Kertiersteat Piter van Tuinen – nr 8.
-Tæke Gerbens Dokter * Froubuorren 21-1-1837 † Achlum; boer te Marsum (nr 272bk); Nederlâns Herfoarmd; sûnt Alde Maaie 1882 komelker te Deinum; sûnt 12-3-1883 boer te Achlum; sweager fan Jehannes Tiemersma;
x Menameradiel 6-5-1857 Akke Klazes Andringa * Menaam 23-11-1833 † Achlum 7-9-1893.

Sjoch: Herman Andringa, Tsjikke Andringa, Ype Brouwers, Piter Andringa, Andringa 3 – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, Andringa Stichting, 2016 ISBN 978 90 803 389-0-6, side 461
-Gooitsen Uilkes Hartstra  * Under De Knipe 11-6-1819 † Bitgum 24-4-1878; Nederlâns Herfoarmd, docht op 1-11-1843 belidenis te Menaam; timmerfeint te Menaam en Bitgum, letter timmerman te Bitgum (nrs 133BK, 71a);
x 1 Menameradiel 28-5-1843 Tjamke Linzes Kort * Under De Knipe 29-9-1818 † Menaam 30-9-1846;
x 2 Menameradiel 15-11-1848 Tjamke Willems Lautenbach * Dronryp 6-7-1817 † nei 1878.
-Johannes Andries Tiemersma * Wommels 6-12-1834 † Ie 8-6-1892; Nederlâns Herfoarmd; bûter- en tsiiskeapman te Deinum (hûsnrs 60K, 39); sûnt Alde Maaie 1882 sûnder berop te Ie; terpbaas te Bitgum: graaft de helte fan Bessum ôf, de oare helte is foar Gerben Reimers Brouwer I; troch syn twadde frou sweager fan Tæke Dokter;

x 1 Hinnaarderadiel 28-1-1862 Fokje Jans Westra * Jelsum 21-12-1834 † Deinum 12-12-1861;
x 2 Menameradiel 28-1-1857 Hiltje Klazes Andringa * Menaam 19-1-1839 † Huzum 29-3-1912.

Gerben Reimers skriuwt in tonielstikje oer de oprjochting fan ’e earste Kristlik Nasjonale Skoalle, de spilers binne de earste bestjoersleden. Gerben Reimers syn oerpake Reimer Gerbens I, oerbeppe Jantsje Rinses Haadsma en pake Gerben Reimers II komme der yn foar as hja buorkje op Sjoelema state by de Hege Wier ûnder Menaam. Bestjoerslid Sybren van Tuinen is de skoanheit fan Germ syn suster Durkje.
It tafriel jout in heldere útiensetting fan it dryste opsetten fan in kristlike skoalle, mei in sfearfol tiidsbyld yn net al te aventuerlike setting. Wis ta learing, mis ta fermaak, soenen je no sizze. Doe net?
Mar dêropta in kostlik sketske fan in fergese reis mei bûter en aaien nei Ljouwert.   

Dit toniel is sûnder titel. De tekst stiet hjirûnder, foar it gemak redigeard en oerbrocht yn ’e nije  stavering.

By ús skyt de hûn in gûne. Dach Mefrou!

Oan hûs by Tæke Dokter te Marsum.
Kommisje fan Tarieding: Pier Rypstra, Sybren van Tuinen, Tæke Dokter, Goaitsen Hartstra en Jehannes Tiemersma.
Dokter is thús, Rypstra en Van Tuinen komme yn, nimme sit. Dan petearjend en pypkjend (slop mûnestik, as ’t kin). Efkes letter komt Tiemersma har efteroan. Goaitsen Hartstra komt lêst, as hja al wat sitten hawwe.

Dokter: Wat hjerstich mannen, net?
Van Tuinen: ja, it is al wat hjerstich. Alhoewol, ik haw dizze dyk oars kennen. Dan koe men it net bûten de klompen keare. Mar wy binne hast al wat oer de tiid.
>Sjocht op ’t horloazje<

Rypstra: Men kin der ek sa mar net út rinne, it spul moat ek wat berêden thús.
Dokter >skoot de tabakspot ta<: Mar ris stopje net? Goaitsen Hartstra moat no noch komme.
Rypstra: Earst ’t kopke úthelje. Dit is ek gjin foar skelling, soe ik wol sizze?
Dokter: Nee, jo sill’ it wol fernimme kinne, ik betelje hjir hûndert sinten foar.
Rypstra >en oaren beare<: Dy’t it breed hat, lit it breed hingje. Ik sil jo gjin ûngelyk jaan, mar oer ’t generaal hoecht men yn dizze tiid net mar yn ’e sinten om te slaan. It is in hiele toer de einen wer wat oanmekoar te krijen. Mar de tabak is al better, as dy’t wy wend binne te smoken.
Tiemersma >sit no ek al<: Mar it mei elk net barre, dan moat de bûter noadich net mear omleech.
Van Tuinen: En de ierpels en it nôt, it kin gjin sprekken lije. As der mar net minne tiden efter dizze oarloch weikomme. Mar it hat noch minder west foarhinne, mannen.
Dokter: Amearika, wurdt der sein, dêr is de takomst. As it de lju hjir te benypt wurdt, dan dêr meielkoar mar hinne.
Rypstra: Mûglik is dat dan foar ús bern weilein. Ik hoopje it net. Us ôffaars erf ferlitte, dan moat it al slim komme.
Tiemersma: Mar wy hawwe ek noch folle krapper tiden hân. Dan is it no noch bêst, haw ik wolris heard.
Rypstra >bearend<: Ei jonge ja. Ik haw ris fan Reimer Gerbens folk heard, jo witte it wol Sybren, dêr oan ’e Sânwei efter Bitgum.
Van Tuinen: O, jo bedoele dy dêr by de Hege Wier?
Rypstra: Just. No dy hat my ris ferteld, dan wie er yn dy tiden mei syn mem nei Ljouwert, mei bûter en aaien. En as de aaien dan gjin tweintich sinten it snies[tweintich] opbrochten, dan giene hja mei nei hûs, yn ’e bargen. En dêr wie de bûter ek al wat neffens, wat de priis belanget.
Tiemersma: Mar dat wie dochs gjin menear fan dwaan! Moasten dy no yn ’t fee? In earm minske koe se no ek betelje.
Van Tuinen: Dat moatte jo net te gau sizze. It deihierke wie noch lytser dan no, hja hienen it der net foar oer. En dan rûn Germ mei syn mem, in koer mei bûter en aaien yn ’e earm, hinne en werom nei Ljouwert. Tink ris oan! Der moast dan wat mear foar komme om de holle boppe wetter te hâlden.
Rypstra >tsjin Dokter<: En dochs woenen se har, yn har earmoedigens noch great hâlde. Hy ferhelle my ek noch dit: doe wienen se útferkocht en doe sei syn mem hja moast noch efkes nei dy en dy Mefrou, dêr moast hja noch altyd in gûne fan hawwe. En dêr stie Mefrou boppe-oan ’e trep te krimmenearen dat se ‘die gulden betaald had’, mar Germ syn mem hie har nocht en rôp: ‘Mefrou, by ús skyt de hûn in gûne. Dach Mefrou!’
Dokter: Ja, ja, men moat jin ek noch mar wat ferbeeldzje.
Mar dêr giet de klink, dêr koe Hartstra wol wêze.
>Goaitsen Hartstra komt yn, kriget in sit<
Dokter: Mar frijwat oer de tiid, tinkt my, net?
Hartstra: Jo hawwe moai praten. Jo binne thús, mar ik haw in hiele reis hân. Ik wurd ek in dei âlder. En men kin ek sa mar net út it wurk rinne.
Rypstra: Hoe giet it der oars mei?
Hartstra: Tige sûn. Ik kin myn wurk noch goed dwaan. Mar it gehoar wurdt minder. Ja, yn ’e lêste tiid kin ik it skoan fernimme.
Rypstra: No mannen, der binne belangrike dingen oan ’e oarder. Ik soe sizze, dêr moatte wy jûn al rekken mei hâlde, der moat Goaitsen net wat ûntkomme.
Dokter >wat lûder tsjin Hartstra<: Wy hawwe niis al tige oer de minne tiid krimmeneare, mar wy moatte no ek mar ris oar praat hawwe, net?
Hartstra: No dat tinkt my ek, dêr feroaret dochs neat fan.
Van Tuinen: Nee, dat net, mar wy sille jûn wol gauris oer it jild prate moatte. En fansels wol witte dat wy mei de tiid hawwe te rekkenjen.
Dokter: No der moat dochs ien begjinne, en ik bin de gasthear, dat ik soe sizze: Van Tuinen, jo hawwe fan dy fergearring fan okkerdeis oantekens makke, dy moasten wy mar ris hearre.
Van Tuinen: No dan sil ik mar foarlêze wat ik oantekene haw. It is in koart ferslach fan wat wy meimakke hawwe. Wy moatte hjir dochs op ’e nij oer de saak gear.
>Van Tuinen lêste it ferslach fan de gearkomste te Deinum hâlden. Ferslach hjirby.<
Tiemersma: Soe it no net fan belang wêze mannen, foardat wy fierder prate, dat wy in foarsitter en skriuwer beneame?
Dokter: Ja, wy foarmje sa wat it moderamen fan de Kommisje. Dat mei fuort wol wêze.
>Stimmen fine dat goed<
Rypstra: No Sybren, jo hawwe no al sok wurk dien. Jo hawwe papier, jou ús mar in briefke.
>Van Tuinen skuort al wat in stik of wat papierkes<

>Yn ’e tiid as der stimbryfkes klear makke wurde:<
Rypstra >stompt Hartstra oan<: Sis Goaitsen, wy wurde it hjir earder iens as jim okkerdeis yn ’e tsjerkerie te Bitgum, tinkt jo ek net?
Hartstra: Hoe woene jo sizze? Wat bedoele jo?
Rypstra: Ik fyn it goed dat jo fan neat witte, mar de tsjerkerie hat op ’e gatten nei ticht west. Der is my ferteld fan ien dy’t der by west hat, dat Goaitsen Hartstra Baron Schwartzenberg* wer tige yn ’t hier hongen hat mei dat dûmenyberoppen. En it is dêr altyd te rêden. Hy hat it altyd mei jo te krijen.
Hartstra: No it is ek sa, mar wý hawwe itselde doel foar eagen: Kristlik ûnderwiis foar ús bern. En se wolle hjìr dûmenys helje dy’t net mei it Wurd fan God ta ús komme. Is der al ris ien dy’t dêr oars oer tinkt, dan binne se bang fan ’e baron. Dy hat lân en goed en kin sa syn sin trochdriuwe. Mar as it oer it bringen fan it suvere Wurd giet, dan meie wy ús net stilhâlde. Mar ja, hy hat om sa te sizzen, it hiele doarp yn ’e hân.
Rypstra: Ja en dan komt it lykas master Herre van der Veen yn ’e Ljouwerter stean hie, hawwe jim dat lêzen?
In pear sizze: Nee.
Tiemersma: Ja ik haw it lêzen. Jo bedoele dat der yn ’t boerefrysk yn stie, mar dat binne meastal spotters.
Rypstra: Dat wit ik net, mar it wie krèkt sein. De skoalmasters út de Gritenij fan Baron fan Sytsema fan Driezum hiene by syn jubileum meielkoar in lokwinsk yn ’e krante. Master Van der Veen hie der ek in advertinsje yn, dat hy net rekkene wurde woe by de lju fan de lokwinsk. Mar hy hie dêr fuort ûnder stean: In doarp mei in hear is in lok, in hear mei in doarp is in flok. De baron woe nei master syn sin tefolle de baas spylje. En sa giet it dêr by jimme ek. Mar elk doar it sokke mannen net sizze.

Van Tuinen: Lês no mar op Pier, ik sil oantekenje.
Rypstra >ropt op<: Uitslag! Rypstra, foarsitter. Van Tuinen, skriuwer.
Rypstra >tsjin Van Tuinen<: As hja tinke dat it sa moat, dan sil it wol moatte, hè’n?
>Efkes stil<
Rypstra: No mannen, hawwe wy ús goed betocht, binne wy it meielkoar iens dat ús bern Kristlik ûnderwiis hawwe moatte?
My tinkt, dít kin sa langer net trochgean. Wy kinne net ferantwurdzje dat dizze tastân bestean bliuwt.
Tiemersma: Jimme binne der mei bekind dat der Deinumers wienen dy’t it net oandoarsten om de skoalle by uzes. Mar ik kin der wol foar ynstean soe ik sizze, dat as hjir bygelyks yn Marsum in Kristlike skoalle komme koe, jimme fuort op ús bern rekkenje kinne. Ik bin der foar. En no’t wy ús hjir útsprekke moatte, dan sis ik: Trochsette. Marsum is better sintrum as Deinum.
Hartstra: No, ik bin mei hert en siel foar in Kristlike skoalle. Mei dit ûnderwiis dat ús bern no krije, meie wy net tefreden wêze. It hyt dat se opfierd wurde ta Kristlike en Maatskiplike deugden, mar it is gjin kristendom nei Gods Wurd. Jezus kin as foarbyld de bern foar eagen hâlden wurde, mar wy meie se net langer ûnthâlde dat Kristus dè iennige namme is troch waans fersoenend bloed in minskebern allinne behâlden wurde kin. Dàt wurdt ús bern ûnthâlden.
Dokter: Ik kin koart wêze foarsitter, ik bin it alhiel iens mei wat der sein is. Wat wysels freegje en de bern yn ’e hûs meijouwe, kinne wy har dochs net op skoalle ûnthâlde. Dat ik bin foar mysels allang besluten.
Rypstra: En, Van Tuinen. En jo Sybren!
Van Tuinen: As jo it my freegje, dan sis ik sûnder wifkjen: Ja. Mar wy moatte ús goed bewust wêze dat der grutte offers brocht wurde moatte. Wy hawwe it der jûn al oer hân. It is gjin tiid om brike dingen te dwaan, dat lit de measte lju har ponge net ta. As wy begjinne, dan moatte wy net stykjen bliuwe. Der binne saken yn ’t libben, dan keart de wâl it skip. Men moat de bek nei de byt sette, seit it sprekwurd. Mei de saak dy’t wý ûndernimme kìn it wêze dat wy boppe fermogen jaan moatte. Dêr goed om tinke. Mar dan sis ik: Fuortfarre. Hja moatte letter net sizze: Dy amechtige bestjoersleden binne wat begûn, en hja kinne it net útfiere.
Rypstra: Ik bin fan ’t selde betinken mannen. Wy winskje allegearre Kristlik ûnderwiis foar ús bern, dìt iene moat tinkt my eigentlik de trochslach jaan. God freget it fan ús. Ut hearrichheid oan Him, en nei Syn Wurd, sa’t wy Him beloofd hawwe, moatte wy ús bern opfoedzje litte. As wy fanút ús hûs Him tsjinje moatte, dan dat ûnderwiis ek op ’e skoalle. Hjir binne wy it deroer iens? En no oan ’t wurk.
Sille wy ús no oan Marsum hâlde? Ja no, dan hawwe wy begjin. Dokter, Hartstra, hiene jimme al net omsjoen nei dat hûs fan Stapenséa?
Dokter: Dat hawwe wy besjoen, mar it wie te lyts foar ús doel. Wy soene it delsmite moatte, mar dan wie it opperflak fan de grûn noch te lyts foar skoalle en hûs. En dan kaam it der gau ek yn te rinnen mei de kosten. Mar der is noch in hûs te keap. Ik haw sa frij west dêr nei te fernimmen. It is geskikt foar in ûnderwizer. Guds fan jimme witte it wol, it stiet efter de Buorren.
>Knikke<
It is op jild set en ik kin it oannimme. Ik haw in wike tiid. Ik haw fansels net sein foar watfoar doelit brûkt wurde sil, mar jimme moatte it earst sjen.
Rypstra: En de priis?
Dokter: De som fan f 750? Bean al efkes.
Van Tuinen: It is maklik wurk en keapje it, mar it moat betelle wurde; dêr moatte wy om tinke. Wy moatte de rinten earst hawwe, tinkt my. Wêr moatte dy weikomme.
Rypstra: My tinkt it hûs moat kocht wurde, mar it is lykas Van Tuinen seit: It moat betelle wurde.
>Efkes stil<
Ik wit wol wa’t it it beste past om it foar te sjitten. En it is Dokter op jild set.
Tiemersma: Wy kinne der fuort in hypoteek op nimme.
Van Tuinen: Dan set it al goed yn ja. Wy moasten it oars sa betelje kinne.
Dokter: Hark ris foarsitter, ik fiel wol wêr’t jo op oan wolle. No, ik wol it hûs wol keapje, en it jild foarsjitte, mar op ien betingst, as it no ris net foar ús doel brûkt waard, jimme yn de skea of it foardiel dat der fan komt mei-elkoar lykop diele. Ik haw der neat oan allinne mei in hûs te sitten.
Rypstra: Dêr sil nimmen wat op tsjin hawwe, no mannen?
>Ynstimming<
Dan sille wy it moarn fuort ris besjen, en liket it goed, dan keapet Dokter it hûs. Wy hawwe it hûs allegearre wol yn ’e holle dat as wy ris ferhindere wiene, dan tinke jo al om ’e termyn.
Tiemersma: Is der no al mei Stapert praat?
Rypstra: Ja, it wierret ús mei. Van Tuinen hat okkerdeis mei Stapert praat, dy wist fan alles en wie wol ree om syn hiem ôf te stean foar in te bouwen skoalle. Hawwe jo him hjir ek bean Sybren?
Van Tuinen: Ja, ik tocht: net útstelle, grûn moatte wy hawwe. >Sjocht op ’t horloazje< Hy sil hast komme moatte. Mar der komt my yn ’t sin – ik sis it mar efkes foardat er hjir is – wy koene fuortoan by him oan hûs gearkomme foar in gûne eltse kear.
Rypstra >glimkjend<: Jonge noch ta, wat is ’t in âlde nepert net. No, dat moat mar wêze net? Wat tinkt jo Dokter, jo fine it net sneu wol?
Dokter: Hielendal net, it is my bêst hear. Mar oe, Tætske Tsjoenster…
Tiemersma: No sille wy it wol ris efkes oer de sinten hawwe moatte net? Wy hawe al wat tasizzing haw ik heard, mar wy sille dochs wolris om help freegje moatte bûtenút.
Rypstra: Ik stel foar om Fryslân ôf te reizgjen, en dan ris sjen hoe fier as wy binne. Is der net genôch – en dêr moatte wy mar op rekkenje – dan moasten wy mar in pear fan ús minsken yn ’t wurk nimme dy’t yn Hollân kollekteare. Wat tinkt jim dêrfan?
Hartstra: Ik bin der foar, mar wa sil oer de sinten gean? As der wat te barren komt?
Rypstra: Sille wy Ulbe Winia dêrfoar oanstelle? Dy is dochs lid fan ús Kommisje.
>Ynstimming<
Rypstra: Witte jim no ek sa út ’e rûchte wei hoefolle bern ús skoalle skielk op rekkenje kin?
Tiemersma: Nei de sprekkerij fan Buil, hawwe wy mei in stikmannich fan ús oan ’t rekkenjen west, men kin it fansels noait krekt berekkenje no? Mar wy kamen út dizze doarpen op 37 bern, dy wy tochten dat op ús skoalle komme koene.
Dokter (harket): Soe Stapert dêr al omskaaie? Ik leau it al.
>Giet oerein, komt mei Stapert werom<
Dokter: Ja, hy siet al in setsje by de frou.
Stapert >groetet de mannen<: Ik tocht, as se ferlet hawwe, dan roppe se my wol.
>Fûstkje, kriget in sit<
Rypstra: Dan sille wy fuort mar oer de saak gear. Jo hiene al heard fan ús foarnimmen Stapert. En jo hiene Van Tuinen sa wat fiele litten dat jo jo hiem ôfstean woene foar in te bouwen skoalle? Wy kinne jo net sizze hoe’n deugd jo ús dogge man. No binne wy eigentlik klear, want no kinne wy bouwe. Hoe hiene jo it no yn ’e holle?
Stapert: Ik tocht, net ferkeapje, mar foar jiers trije ryksdaalders erfpacht, kinne jimme dêroer beskikke. Ik fiel tige mei jim krewearjen foar in Kristlike skoalle en dan kinne jim mar fuortfarre.
Rypstra: No mannen, wat sizze jim, hjir hoege wy net lang oer te praten, tinkt my wol?
Dokter: Hjir kinne wy neat op tsjin hawwe. Stapert helpt ús fuort út ’e rie. De skoalle kin fuortdalik mar oanbetelle wurde.
Rypstra: Binne der ek mear betingsten oan ferbûn Stapert? Sa net, dan kin de keapakte opmakke wurde en oerskreaun op de beide Helpferienings: Ingelum-Marsum-Bitgum en dy fan Deinum.
Stapert >stadich, mar moai wis<: No nee, foarsitter, dat hie ik net yn ’e holle.
Rypstra >en oaren, wat ferheard<: Hoe no? Wat woene jo dan?
Stapert: Net op persoanen, mar ek net op de beide helpferieningen woe ik it oerskriuwe litte, allinne op ’e helpferiening Ingelum-Marsum-Bitgum. Der koe ris in skuor tusken de beide ferienings komme, en dêr soe oars net as neidiel foar de skoalle út fuortkomme. En sa ha ik en ek jimme it mei ien lichem te dwaan, en oars wit ik net wêr’t ik bedarje. En notaris Witholt fan Seisbierrum docht myn saken, dat is myn man.
Rypstra: Ik haw hjir neat op tsjin, mar wat seit Tiemersma hjir fan?
Tiemersma: Dat wy as Deinum hjir no bûten stean, mar ik fiel wol dat it gjin reden wêze mei om de saak op te kearen. Dit moat oangean.
>Al de oaren binne dêr tige mei ynoarder<
Rypstra: No Stapert, wy fan ús kant gean mei jo útstel akkoart, it is in hiele útkomst foar ús en wy kinne der net oars as tankber foar wêze dat it allegearre sa rint. Ek tige tankber foar jo oanbod om fuortoan by jo oan hûs gear te kommen, hoe siet dat, wiene der ek betingsten? Wy sille der noch wol efkes oer prate, en dan hearre jo it wol.
Stapert: Ik tocht, it wie sa gaadlik wol foar jimme >giet oerein<
Rypstra (heal en heal ek): Jo koene ek sa lang wol bliuwe. Jo binne eigentlik ek lid fan de kommisje.
Stapert (glimkjend): ’k Wol jim mar net yn ’e wei sitte, ik haw wol begrepen dat der noch gânsk te bepraten is. Ik sykje myn thús mar op >giet fuort<-
Rypstra: En no moat dizze saak sa gau as it kin mar ôfwikkele wurde.
Dokter:
 No binne wy in hiel stik opsketten mannen.
>Allegearre stimme ta<
Rypstra: Ja, tinkt jim ek net dat wy no de skoalle wol oanbetelje kinne? Wy hawwe de grûn, en foardat de skoalle der stiet, kin der ek gjin ûnderwiis jûn wurde. Ik woe der mar wat faasje efter sette. Wy binne no noch byelkoar. Ik neam no marris ien ding: it dak, wêr sil dat mei dutsen wurde, mei glêde of mei stroeve pannen?
Van Tuinen: Moatte wy dêr no oer prate? Dat wurde dochs gewoane pannen. As der mar in goed dak is, dt hoecht dochs net oars as wêr’t wy it mei dwaan kinne?
Dokter: Us skoalle moat tinkt my moat goed yn oarder. Ik bin foar glêde pannen. It stiet wat kreazer, ’t sil wol efkes djoerder wêze, mar wy sjugge der ek altyd tsjinoan.
Van Tuinen: Dêrom krket, wat hat dat noadich, dat útwrykske, kin dat net wat ienfâldich? As it mar ticht is. Wy hawwe ek skuld, en no kin dat net oars, der sl wol jild komme, mar wy moatte it net oer de balke goaie. Ik bin foar gewoane stroeve pannen, lykas wysels ek op ús huzen hawwe.
Rypstra: Wy moatte derút. Ik bin yn dit gefal foar glêde. ’k Woe se sels net graach op myn hûs hawwe, mar it is foar ús skoalle, en dat moat der wat knap útsjen.
>Stimmen-rûnfreegjen<: Van Tuinen en Tiemersma tsjin.
Rypstra: Dan is dat ôfdien, der komme glêde pannen op. Wat tinkt jim mannen, wy binne al in hiel ein hinne, mar kinne alles dochs net mear ôfdwaan, sille wy mei in deimannich mar wer fergearje? It wurdt ek letter foar ús.
Dokter: Mar wy binne hjir no ienkear. Sa net, ik wol jim net ophâlde. Ik bin thús en jimme moatte noch in hiel eind waan.
Van Tuinen: Kinne wy noch net efkes beprate wa’t de skoalle sette sil? En de ûnderwizers beneame?
Tiemersma: Dan wurdt it fierstente let, dêr komme wy yn ien jûn net út.
Rypstra: Yn begjinsel binne wy no mei alles klear; allinne, it moat noch yn ’e died omset wurde. De skoalle moat noch stean en de ûnderwizers beneamd.
Van Tuinen: Op wat traktamint moatte wy dy beneame?
Rypstra: Ik woe it no jûn oars sa mar litte. Mar as jo gjin haast hawwe Sybren, dan is ’t my ek goed. As wy om ús hinne sjugge, dan tink ik sil it net f 800 rinne, personele belesting moatte hja dan sels foar stean.
Hartstra: Soene wy no net ferstannich dwaan foarsitter, en bewarje it oanbestedigjen fan de skoalle, en it traktemint fan de ûnderwizers ta in kommende kear? Ik haw noed dat, fral it lêste, wy der noch net klear mei binne. Dan kinne wy noch wat lytsguod ôfdwaan.
Rypstra: Ik bin it mei Goaitsen iens. Sil it sa mar mannen?
Tiemersma: Mar dan moat der noch al oer advertearen praat wurde. Wy soene it kristlik publyk om jeften freegje foar de skoalle.
Rypstra: Sille Dokter en Tiemersma in advertinsje opstelle foar it Kerkelijk Weekblad. >knikke<. Dan kinne wy dy noch efkes besprekke, as wy wer gearkomme.
Hartstra: En wy soene noch in oprop pleatse yn ’e krante foar opjaan fan bern op ús skoalle. Wêr moat dy advertinsje yn.
Rypstra: Dat is ek wier. Sille wy dat dan mar yn ’e Frjentsjerter dwaan? Ik leau, dat is sa ferstannich wol. Neat op tsjin? >tsjin D en T< Dan kinne jim dy advertinsje meiiens ek opstelle.
Van Tuinen: No hie ik noch in foarstel.
Rypstra: En dat is?
Van Tuinen: De fergadering foartoan in kertier nei de fêststelde tiid iepene wurde sil, en dat dy’t nei dy tiid ynkomme 10 en dy’t neibliuwe 25 sinten boete betelje sil.
Rypstra: Dan kin Ulbe Winia fuort oan ’e slach komme. Ik wit net Sybren, hjir sil it neigeslacht wolris oer glimkje. Moat dat no sa stiif.
Hartstra: Ik fal al yn ’e boete, mar ik bin der lykwols foar. Wy moatte safolle mooglik komme. It is ús saak mei-elkoar.
Dokter: Ik bin der foar, mar der kinne wettige reden wêze, en dan kin men soks net bêst tapasse.
Rypstra: Sille wy it dan op dizze betingst oannimme, dat de beslissing dêrfan, wettich of net, oan ús eigen gewisse oerlitten wurdt.
>Oaren fine it goed<
Rypstra: No stel ik foar mannen om mar op te brekken. Yn begjinsel is alles foarelkoar, wy moatte ús bêst no mar dwaan, en in bytsje efter de saak oan sitte.
Tiemersma: As wy net tefolle opkear krije, wannear soene wy dan de skoalle dan yn gebrûk nimme kinne? Dat sil wol takommend jier wurde, soe it net?
Rypstra: Al moai wis, en dan rint it ek noch wol nei de langste dei. Mar it hinget ek in bulte fan ússels ôf, lykas jo niis seine! Wy kinne net oars sizze. Is der no neat mear? >swije< Sille wy dan mar.
En dat God it ús slagjen docht, mei Hy Syn seine en lieding ús allegearre jaan , en dat wy ús ropping mar ferstean meie.

* Georg Freder ik baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1791-1868), grytman, boargemaster fan Menameradiel, lid Provinsjale Steaten.