Home » Brouwer (St.-Anne/Bitgum) » Genealogy Brouwer 1: Reimer Gerbens

GENEALOGY BROUWER
St.-Anne – Bitgum

Kom, kom, allegear merakels, allegear merakels!
Siswize fan Gerben Klazes Brouwer (1777-1818, X)

Dizze Genealogy Brouwer 1 omfiemet neikommelingen fan Reimer Gerbens Brouwer I (nûmer XI.1 yn dizze stambeam) en Jantje Rinses Haadsma. De stamrige, dy’t oan dizze stambeam foarôfgiet, begjint om ende by 1450 en de manlju dêryn binne oant yn ’e fyftjinde generaasje sûnder útsûndering boer, mear as 500 jier. Dat is konsistint en tagelyk betreklik: it giet by sa’n opset inkeld en allinne om de lijn fan heit op soan. Sûnt de 15e iu hat in minske sa’n 15.000 foarâlden, gâns dêrfan binne wat oars as boer.
Sûnt omstrings 1725 buorket dit laach te Bitgum. Gerben Reimers Brouwer I (XII.1) kipet der wat út trochdat er de terp Bessum dêr ôfgraaft, dêrmei heel wat fynsten opsmyt, en dat er mei syn frou Brechtje Folkerts Damsma de keatspriis de Nije Gripe skinkt oan keatsferiening Oefening Kweekt Kunst, dêr’t er beskermhear fan is.
By har soan Reimer Gerbens Brouwer II (XIII.1) en syn húshâlding spilet de bekearing op. Soks rint as in reade tried troch dy har libbens.
Under har neiteam binne yn twa-trije generaasjes opfallend folle dy’t har bewege op Frysksinnich mêd. Benammen Gerben Reimers Brouwer II (XIV.1) fielt him roppen om him yn te setten foar de Frysk Nasjonale saak, dat wol sizze: Wês dysels.

Hjirboppe fiif geslachten op portret. Gerben Reimers Brouwer I (1829-1914, XII.1), Reimer Gerbens Brouwer II (1856-1929, XIII.1), Gerben Reimers Brouwer II (1886-1961, XIV.1), Reimer Gerbens Brouwer III (1912-2001, XV.1). Fotograaf 1: Van der Peijl, Ljouwert
En hjirûnder Gerben Reimers Brouwer III (1942, XV.3). Fotograaf: Anne R. Brouwer, Bergen 

Neist stamrige en stambeam wurde hjir yn in kronyk ûnderskate dielûnderwerpen beskreaun en skôge. Hjir en dêr binne de swetten fierder útlein as allinne eigen honk, sadat in byld ûntstiet fan sosjale fermiddens, fan Fryske beweging en libbenssjenswizen.

Tagelyk tsjinnet dizze opset as dokumintaasje fan foto’s, brieven en oar argyfmateriaal. Om net tefolle fan it goede fan dit miel foarset te krijen, kin trochklikt wurde foar mear priuwkes.
It
wiidweidich famylje-argyf wurdt – neist dit digitaal bestân – fierders foar de takomst feilichsteld en bewarre yn klimaat-behearske kluzen by de gemeente Waadhoeke. De argiven binne dêr op ôfspraak mei Erfgoed Fundaasje foar ûndersyk te rieplachtsjen.
Wy tidigje uteraard op oanfullingen en f
erbetteringen. Sjoch: Oer ús info@erfgoed-fundaasje.nl

De Genealogy Brouwer St.-Anne-Bitgum is ûnderferdield yn trjje stagen, neiteam fan ’e bruorren:
-Reimer Gerbens: Genealogy Brouwer 1, folget hjirûnder.
-Sipke Gerbens: Genealogy Brouwer 2
-Wopke Gerbens: Genealogy Brouwer 3.
De stamrige is wol fierhinne tichttimmere en stiet op dizze side.
Alle trije stambeammen binne foarearst oant de 21ste generaasje per side ek yn skema werjûn.
Yn parentelen wurde de neikommelingen fan Gerben Reimers Brouwer I en Brechtje Folkerts Damsma beskreaun, te witten
Maartje Gerbens Brouwer:
Genealogy Dijkstra
Reimer Gerbens Brouwer II: hjirûnder
XIII.1
Jantje Gerbens Brouwer:
Genealogy Siderius
Folkje Gerbens Brouwer:
Genealogy De Jong – Bitgum
Dirkje Reimers Brouwer:
Genealogy Van Tuinen
Bregtje Reimers Brouwer: Herman Andringa, Tsjikke Andringa, Ype Brouwers, Piter Andringa, Andringa 3 – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, Andringa Stichting, 2016 ISBN 978 90 803 389-0-6 (YB 121, side 346) en
Genealogy Wartena
Gerben Reimers Brouwer II, sjoch hjirûnder
XIV.1
Hendrikje Reimers Brouwer:
Genealogy Van der Schaaf.

Alles is wurk yn útfiering. Genealogy Brouwer 2 en 3 stean noch hyltyd yn ’e stegers.

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.=wennet mei/living together
sk=skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?

Boarnen û.o.:
-generaasjes I-VII: Genealogysk jierboekje 1989 – Pieter Nieuwland: Meylema – Genealogy, Fryske Akademy, Ljouwert, 1989; side 49
Frysk Kertiersteateboek – Gerben Rientses Wartena en Goasse Doekeles Brouwer: Brouwer-Damsma, Fryske Akademy, Ljouwert 1996
-ûndersyk Erfgoed Fundaasje
-meidielingen: Sybe Harmens Andringa (SHA), Ank Boomgaardt-Wartena (AB-W, û.o. yn it feestboekje Ank Boomgaardt-Wartena 80 jier), Durk Gerbens Brouwer XV.2 (DRB), Gerben Reimers Brouwer XV.1.3 (GRBIII), Maeike Reimers Brouwer XVI.1 (MRB), Nynke Reimers Brouwer XVI.4 (NRB), Piter Gerbens Brouwer XV.4 (PGB), Reimer Gerbens Brouwer XV.1 (RGBIII), Tsjisse Doekeles Brouwer XV.3.5 (TDB), Pieter Meines Donker (PMD), Jabik Keimpes Dykstra (JKD), Tine Harkema-Strikwerda (THS), Pieter Hendriks Hoekstra (PHH), Hylke Jitzes de Jong (HJdJ), Tsjits Jonkman-Nauta (TJ-N), Durk Sybrens van der Schaaf (DSvdS), Reimer van Tuinen (RvT).

YNHÂLD:
Dizze ûnderwerpen wurdt oan wurke. Klik op it ûnderwerp om daliks te plak te kommen.
SKEMA STAMBEAM
STAMRIGE

§ NAPOLEON KOMT DER NET OAN TE PAS 
– Klaas Gerbens Brouwer wurdt foar 1811 al Brouwer neamd

§ HEIT HEECHST OANSLEIN, SOAN YN EARMHÛS STOARN – Gerben Klazes is ien fan ’e heechsten yn ’e belesting

§ Gêrm Klazes Brouwer keapet en ferkeapet ryklik lân
§ De pleats wurdt yn 1826 ferkocht – Nei trije generaasjes Brouwer komt Sate 3 oan de Buma’s
§ Earmhûs of betelle rêsthûs en ferpleechhûs? – Fersoarging op ’e âlde dei fan Klaas en Jelle
§ KOM, KOM, ALLEGEAR MERAKELS! 
– Gerben Klazes fynt de preek mar ûnsin

§ Klaas komt foar – Dûmeny misledige, amtner mishannele  
§ IN WAT SNEU SECHJE 
– Klaas Gerbens syn karriêre
§ FAMYLJESIIK – In breed eachweid foar sibben
§ IN KOMMEN EN GEAN OP ’E ROMTE
 – Bewenners fan Sjoelema state

GENERAASJE XII – Gerben Reimers I en Brechtsje Folkerts Damsma en bern

§ TERPBAAS 
– Gerben Reimers I graaft de terp Bessum ôf en fynt Romeinske geloftestien
§ BESKERMHEAR O.K.K. – Gerben Reimers I,  jildsjitter fan ’e Bitgumer keatsferiening
§ KEATSPRIIS ‘DE NIJE GRIPE’ – Brechtsje Folkerts Damsma en har man skinke sulveren keatsbal
§ WOL EN NET TSJERKS – Gerbens Reimers I as drager fan it Wurd, gjin taharker
§ BERNSBERN OER GERM EN BRECHTSY – Ut it ferslach fan ’e Brouwersjûn, 1970

XII.2 RINSE REIMERS BROUWER EN SYN SOANNEN

§ SJOELEMA YN ’E BRÂN
– Rinse Reimers Brouwer ferliest syn pleats
§ ÚT ’E NEDERKLITS – Rinse Reimers klaut by de wâl op
§ ÚTFANHÚZJE OP ’E PLEATS – In skôging fan neef Reimer van Tuinen

GENERAASJE XIII – Reimer Gerbens II en Trijntje Gosliga en bern

§ DE BROUWERSKOFFERKES – Erfgoed foar waar en wyn bewarre by Waadhoeke
§ DE BITGUMER BEWAARSKOALLE – Jonge bern binn’ net fyn of grou
§ KRISTLIK NASJONAAL ÛNDERWIIS – Aldere bern ryp foar kristlike skoalle
§ HIERDER EN RINTMASTER FAN ’E SCHWARTZENBERGS

§ GJIN STIEN TROCH ’T RÚT – Reimer Gerbens II wurdt bedrige
§ GRUT FELLINGWURD – In arbeider hinget foar it keamersrút
§ NIJ FELLINGWURD – De nij-boude boupleats
§ RINTENIERKJE – Besteld mei tsjerkelike saken
§ BEKEARLINGEN
– Fan frijsinnich nei otterdoks
§ PUNTEN FAN DANKZISSEN
– Reimer Gerbens II syn speech mei 40 jier trouwen
§ ANEKDOATEN OER REIMER GERBENS II
§ KRISISJIERREN
– Mei kwytskelde skulden troch de tiid
§ BESIT FERBOELGUODDE
– Nynke Gosliga har goed en guod op buorden

XIII.2 REIMER RINSES BROUWER – Brouwer, Van der Ploeg en Hilarides

§ BEKWAAM 
– Reimer Rinses syn gaven bekliuwe net
§ BROUWERSKOP – Rinske Reimers wit wierskynlik wat se wol

XIII.3 FEIKE RINSES BROUWER

§ FERSTOPPE FERLINE 
– Feike Rinses ferlit syn njai en bern en ferliest it libben

XIV.1 GERBEN REIMERS BROUWER II

§ GERBEN REIMERS DE MILITÊR – De grenadier dy’t de koets fan Wilhelmina lûkt
§ FERLOVINGSTIID EN SA
§ STÂNSFERSKIL OF ONGELIKENSE BEHANNELING – Net mei-inoar yn ’e tram, mar wol op portret
§ BUORREN 10 TE BITGUM
 – In stamhûs
§ GERNIER EN LYTSHANNELER YN IERDAPPELS – Germ en Anne krije ’t lân fan pake oer
§ DEUGDEN – In gea fan goed en kwea
§ EIGEN ARBEIDERS – ARBEIDERS EIGEN – Gerbens Reimers’ soannen jilde as goedkeape krachten
§ FRYSK BIDDEN YN TSJERKE FERBEAN – In striid mei hite hollen en kâlde herten
§ DE HERAUT – Korrespondinsje mei de Kuypers
§ IN SEGEL FOAR DE TSJERKE – Gerben Reimers II ûntwerpt it ‘segel’ fan de Grifformearde Tsjerke Bitgum
§ BITGUMER FORMIDDEN – Kristlike kultuer? Wat is dat?
§ OMGONG MEI DÛMENYS – Wiisbegearige selsstúdzjes
§ DE KRISTLIK FRYSKE KRITE KAREL ROARDA – Wy Sels: Gerben Reimers II rjochtet Krite op 
§ KLOKOPSKRIFT – Gerben Reimers’ klok betinkt it bodzjend folk fan ’t gea
§ TECHNYK KRIJT GJIN GELYK – Gerben Reimers II syn lyk wurdt net riden, mar droegen
§ BROUWER DE BEWEGER – Gerben Reimers II – God mei Fryslân, Kristus foar alles
§ HISTOARYSKE TONIELSTIKKEN – De heroyk fan Willem Loadewyk kontra de tragyk fan Karel Roarda
§ HISTOARYSKE OPTOCHTEN – Gerben Reimers II skept koaning Aldgillis ta libben 
§ DE SLACH BY WARNS – Oan ’e slach foar it monumint Leaver dea as slaef
§ IT NET-FRYSKE FRIESCH GENOOTSCHAP – Gerben Reimers II bedankt foar de eare as beneaming ta lid
§ SEIS MAN STERK – Gerben Reimers en syn soannen
§ DRUKTE JUBILEUMBOEKJES – Freugde en blydskip sille hja dielhaftich wurde
§ IN MEMORIAN ANNE VAN DER SCHAAF EN GERBEN REIMERS II

GENERAASJE XV – Bern fan Gerben Reimers en Anne van der Schaaf

§ TWA KEAR TRIJE DOARPEN – Foarsitter fan wetterskip en iisklub

GENERAASJE XVI – Bernsbern fan Germ en Anne

GENERAASJE XVII

§ FAMYLJEDAGEN Betinke en klinke
§ FAMYLJE FAN BEWEGERS 
– Wapenfeiten fan fjoerfretters

SKEMA
Yn dit skema binne de nammen oanjûn neffens skriuwwize yn ’e Boargerlike Stân, sa is bygelyks Anne hjir Antsje en Roymer hjir Reimer.
Klik op it skema om te fergrutsjen.

STAMRIGE

Sywrd Piersz

Soan:
I Pier toe Meylahuus * omstrings 1465 † foar of yn 1534; boer op Meylahûs ûnder Easterein; yn 1494 en 1512 neamd yn de Snitser resesboeken; yn 1511 yn ’e oanbring fan Easterein; yn 1534 is der skeel oer syn testamint;
Pier is mooglik in soan fan Sywrd Piersz
Pier x N.N.

Soan:
II Wattye Piersz. * omstr. 1490 † 25 des. 1542 (‘kerstheijlige daegh’); neamd yn 1494, boer te Wjelsryp, wierskynlik op Lamckama;
x 1 N.N.
x 2 Wick Reinsdr. † Wjelsryp koart foar 17 maaie 1563;
Wick x 2 Jettze Pieckesz., libbet noch yn 1571

Soan út it twadde houlik:
III Tyalling Watsesz. Meylema (ek:Tzalinck) * omstr. 1535; yn 1561 boer op Eckema te Wjelsryp, yn 1568 boer te Seisbierrum yn 1568, yn 1571 op Lamckama Tsjeppenboer ûnder Wjelsryp, dêr’t er foar in part ek eigner fan is. Wennet dêr noch yn 1585. Yn 1598 is syn frou Rieme Jarichsdr. widdo;
x foar 1563 Rieme Jarichsdr., wennet as widdo te Dronryp en libbet noch yn 1615; dochter fan Jarich Martens, boer op en mei-eigner fan Grut Lopens te Kubaard (1529, 1560) en fan Syts Abbedr.

Soan:
IV Watse Tjallingsz. * omstrings 1570 † Stiens begjin 1615, boer te Stiens,
x 1 Foeckel Pietersdr.
x 2 Anna Tjallingsdr. † Stiens 8 febr. 1635, dochter fan Tjallingh Sipkesz., boer te Stiens op in pleats fan it kleaster Genaerd, en fan Frouw Gerrytsdr.
Anna x 2 Peter Gerrits
Anna x 3 Stiens 23 jan. 1620 (3de proklamaasje) Jarich Jansz, fan Britsum

Soan út it twadde houlik:
V Pieter Watses (ek: Pijtter) * Stiens 1610 ~ dêr 17 april 1620 (dan is syn heit al stoarn en syn mem wertroud; nei alle gedachten wie syn heit minnist) † Aldtsjerk 25 nov. 1702, 92 jier; lidmaat Herf. Tsjerke Oentsjerk 24-2-1665; lid tsjerkeried; lidmaat te Aldtsjerk 26-8-1683; boer te Oentsjerk (1640 op stim nr 14), letter wierskynlik rintenier te Aldtsjerk.
x 1 Stiens 10 april 1631 (3de proklamaasje) Trijn Auckes fan Oentsjerk (de earste en tredde frou fan Pytter Watses hawwe deselde namme)
x 2 1650 Barber Meyles
x 3 Oentsjerk 26 sept. 1675 (1e proklamaasje) Trijntje Auckes  fan St.-Anne; lidmaat te Oentsjerk 10-12-1675 mei attestaasje fan ‘Annakerck’

x 4  Aldtsjerk 25 des. 1683 Maeicke Jans fan Aldtsjerk

Soan út it earste houlik:
VI Watse Pieters * Oentsjerk omstrings 1645 † Boarnwert foar 1705; Watse Pieters en syn earste frou binne 9 juny 1671 ynskreaun as Herf. lidmaten te Oentsjerk.
Se buorkje earst te Oentsjerk, neffens hieropsizzingen yn 1685, 1687 en 1689 op Bornmeer ûnder Wânswert (stim nr 17) oant 1689; op 18 aug. 1689 binne Watse en syn twadde frou, oerkommen fan Wânswert, as lidmaten ynskreaun te Aldtsjerk. Yn 1698 is Watse hierder fan stim 5 te Aldtsjerk. Hy wurdt yn 1698 neamd as ien fan de mannen dy’t it tafersjoch hat oer de stimgerjochtigden te Aldtsjerk; boer op Boarnwerterhuzen te Boarnwert;
x 1 Oentsjerk 26 febr. 1671 (1e proklamaasje) Grietie Wiegers (ek Wiggers) fan Wânswert, † Oentsjerk; ynventarisaasje fan it stjerhûs 29 des. 1680; dochter fan Wigger Sybes, boer te Wânswert, en fan Reinu Jaspers; Gryt is widdo fan Pier Wopkes
x 2 Oentsjerk 21 maaie 1682 (1e proklamaasje) Imck Dircks fan Wânswert, † nei 1705, widdo fan Tjaerd Jarichs.

Soan út it earste houlik:
VII Pier Watses ~ Oentsjerk 25 des. 1671 † Ferwert nei 2 okt. 1709, ynventatisaasje fan syn guod 26 maart 1711; boer te Wânswert oant 1697, dêrnei op ’e kleasterpleats ‘De Flappe’ te Ferwert, stim nr 37;
x Wânswert (?) 1691/92 Antje Jarichs * Wânswert ~ Ferwert † Ferwert nei 1744; lidmaat te Wânswert 16 april 1690, mei har man lidmaat te Ferwert 8 aug. 1697; dochter fan Jarich Fokes, boer te Stiens en Jislum, en fan Trijntje Meinerts; Ant trout twad omstrings 1711 Bote Tjammes, mei wa’t hja it bedriuw fan har man fuortset.

Seis bern bekend:
1 Gerben Piers ~ Wânswert 5 april 1693
2 Gerben Piers, folget VIII
3 Jong ferstoarn
4 Jarich Piers Ferwerda
* Wânswert 1697 † Ljouwert 19-4-1775; Mr bierbrouwer te Ljouwert; boarger fan Ljouwert 16-9-1722, boargerfaandrich 1735-1738, boargerhopman 1739-1744, froedsman 1744-1775, boumaster 1756-1759;
x 1 Ljouwert, Westertsjerke, 13-6-1723 Hendrikje Cornelis * Ljouwert omstrings 1700 † dêr
19-6-1783
x 2 Ljouwert, Jakobinertsjerke, 22-2-1764 Martien Alberts Mijer (ek: Martha; en: Meijer, Meijers) * Ljouwert omstrings 1700 [] Ljouwert, Aldehoustertsjerkhôf 19-6-1783;
Martien x 2 Ljouwert 11-4-1776 Gijsbertus Krips
Ljouwert omstrings 1800
Gysbert x 2 Ljouwert 30-4-1784, Jakobinertsjerke, beide fan Ljouwert, Aatje Borgrink (ek: Aaltje), yn Trouboek: Aatje) Ljouwert -10-1791
5 Grytie Piers ~ Ferwert 25-9-1701 † nei 1773;
x Tjepke Hendriks, boer op Onghe state te Ferwert (stim nr 2)

6 Watse Piers ~ Ferwert 2-7-1707, boer op Lyts Sminia oan ’e Seedyk ûnder Ferwert (stim nr 21) en brûker fan hoarnleger nr 19 en 20 dêr;
x Saapke Pieters ~ Ferwert 11-12-1712; dêr lidmaat op belidenis 13-5-1747; dochter fan Pieter Pieters en fan Antje Sipkes.

Fan har stamt ûnder oaren de famylje Hoogland ôf, yn Ferwerteradiel, Menameradiel, It Bilt.
Sjoch:
– J.IJ. Feenstra, Het geslacht Hoogland, Genealogysk Jierboekje 1962, Fryske Akademy
Pieter Nieuwland, Kertiersteat fan Pieter Nieuwland, nrs 144-145; Genealogysk Jierboekje 1987, Fryske Akademy, Ljouwert 1987.

VIII Gerben Piers ~ Wânswert 17-6-1694 † Bitgum, by de Mole, 24-3-1783, 89 jier [] Bitgum rigel 16; omstrings 1725 boer op ‘Zwettehorne’ (B nr 20) yn it Bitgumer Nijlân; omstr. 1730 boer by de Mole te Bitgum, Schwartzenberg-pleats, stim nr 4 (44 pmt); op 16-8-1637 en yn yn 1738, 1748 boer op Dyksterhuzen, Stedspleats, stim nr 17, letter nr 14, (66 pmt), yn ’e 19de iu neamd ‘Zomerzorg’, no Dyksterhuzen nr 34; yn 1758 boer op Grut Alsert, stim nr B19, nij nr B16, (128 pmt), no Ingelumerdyk nr 6; wennet yn 1667 by de Mole; yn Kwotisaasjekohier wurdt er ‘welgesteld’ neamd; yn 1728 diaken te Bitgum, dêr letter âlderling;
Germ wurdt wol mei de tanamme Hiemstra neamd, bygelyks yn ’e stjerakte fan syn soan Jarich yn 1840
x 1 N.N. Franses; dr fan Frans Tjeerds te Ferwert
x 2 Bitgum 8-5-1729 Wijke Scheltes Heslinga * wierskynlik Bitgum ~ wrsk. Bitgum nov. 1708, dan wurdt doopt ‘soontje van Schelte Jacobs genaamd Wiltje’, nei alle wierskyn is dit in fersin en waard Wijke doe doopt, † Bitgum 1805 (foar 21 maaie) [] Bitgum rigel 16; lidmaat op belidenis Herf. Tsjerke Bitgum 9 maaie 1735; lidm. dêr 1739, op Dyksterhuzen; lidm. idem 1765, by de Mole; nei de dea fan har man boerinne op Grut Alsert, letter rintenierske te Bitgum(mole); dochter fan Schelte Jacobus Heslinga en fan Eelck Clases, bouboeren op Buma state op Dyksterhuzen (no nr 1).
Fan Wijke Skeltes wurdt de ynventaris en skieding fan ’e neilittenskip opmakke op fersyk fan ’e bern en bernsbern (Weesboek Menameradiel nr 51, 21 maaie 1805).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 1
Bern út it earste boask:
1 Trijntje Gerbens
~ Bitgum 4-2-1720
2 Pier Gerbens ~ Bitgum 15-10-1722
3 Pier Gerbens ~ Bitgum 13-8-1724
Bern út it twadde houlik:
4 Pier Gerbens (wurdt neamd mei de namme Hiemstra) ~ Bitgum 12-2-1730 [] Ljouwert 9-12-1801; wennet 1760, 1773 te Ljouwert;
x Bitgum 12-5-1754, dan beide fan Dronryp, Aafke Theunis [] Ljouwert 5-8-1800
Foar bern sjoch: Pieter Nieuwland Genealogie
5 Schelte Gerbens
Heslinga * Bitgum omstrings 1731 † dêr 25-5-1809; gernier oan ’e Stienzer Hegedyk ûnder Bitgum; yn 1758 boer op in ‘Heslinga-pleats’ oan ’e middelste dyk yn it Nijlân, B 8; diaken te Bitgum;
x Bitgum 1 juni 1755 Geertje Gerbens Heslinga ~ Lekkum 11-12-1735 † Bitgum 8-10-1814, hûsnr 91, 78 jier; by trouwen fan Jelsum; boerinne te Bitgum; as lidmaat op belidenis oannommen te Bitgum 12-11-1769; dr fan Gerben Sybrens en Aukje Gabes
6 Pieter Gerbens (postúm: Heslinga, bygelyks yn ’e stjerakte fan syn dochter Giltsy yn 1852) ~ Bitgum 1-6-1733 † Peins; gernier te Bitgummole 1766, ’74; wennet dêr yn 1782 op ’e Smidsbuorren; komt mei Bauky mei attestaasje út Bitgum yn Peins op 21-3-1783;
x Bitgum 18-4-1762 Baukje Baukes (postúm: Heslinga) ~ Bitgum 30-4-1741 † Peins; docht op 13-5-1764 belidenis te Bitgum; suster fan Afke (nr VIII.10, hjirûnder); dr fan Bauke Jacobs (ek: Japiks, Bitgumer Lidmateregister 1739), âlderling te Bitgum, en Geeltie Beerns (ek: Giltje; en: Berents; en: Baukes; dat lêste kin in fersin wêze, sa net: dan is it grif in ferneaming nei har man, lykas: Bauke’ Geeltsy); bouboeren te Bitgum, neffens Kwotisaasjekohier fan 1749: wolsteld; wenje yn 1739 yn ’e Tsjerkebuorren, yn 1765, ’72 yn ’e Smidsbuorren
Piter en Bauky ha fiif bern;
7 Haantje Gerbens ~ Bitgum 13-7-1738
8 Antie Gerbens ~ Bitgum 29-11-1739 [] Snits 22-1-1777?
9 Klaas Gerbens Brouwer, folget IX
10 Jacob Gerbens
Heslinga ~ Bitgum 12-5-1743 † dêr 25-8-1814, hûsnr 36, 71 jier; boer te Bitgum; yn 1811, ’12 dêr gernier; hy en Afke dogge op 7-2-1811 belidenis te Bitgum;
x Bitgum 23-5-1768 Aafke Baukes Heslinga ~ Bitgum 12-6-1746 † dêr 6-1-1819, hûsnr 25, neffens har stjerakte is se by ferstjerren 72 jier; boerinne te Bitgum, by ferstjerren dêr sûnder berop; suster fan Baukje (nr VIII.6); dochter fan Bauke Japiks en Geeltie Beerns
Jabik en Afke ha fjouwer bern
11 Eeke Gerbens Heslinga ~ Bitgum 3-7-1746 † Froubuorren 4-10-1824, hûsnr 2, 78 jier; docht op 16-3-1777 belidenis te Bitgum; giet dêrwei mei attestaasje nei St.-Anne op 19-10-1777; komt op 23-4-1804 dêrwei mei attestaasje te Bitgum; giet op 13-5-1805 dêrwei mei attestaasje nei St.-Anne; giet dêrwei op 26-11-1817 mei attestaasje nei Bitgum; by ferstjerren sûnder berop ûnder Froubuorren;
x Froubuorren 10-10-1773, 27 en 29 jier, Dirk Hendriks Bosje * St.-Anne 30-8-1744 † foar Eeke har ferstjerren; sn fan Hendrik Dirks (foarâlden neamd: Croddenbosch) en Japke Dirks
12 Akke Gerbens ~ Bitgum 12-11-1747 † Dronryp 24-1-1783;
x Bitgum 28-9-1777, dan beide fan Bitgum, Jan Fokes (postúm: Ferwerda) ~ Dronryp 25-12-1742; wennet yn 1778 te Bitgum, yn 1789 te Deinum; sn fan Fokke Jans, yn 1742 groatmakker te Dronryp;
Jan x 2 Ingelum 23-9-1787 Yfke Jacobs ~ Ingelum 27-2-1763; dr fan Jacob Pijpes (ek: Piebes), yn 1742 te Kubaard, yn 1763, ’64 mooglik skuonmakker en weinmakker te Ingelum, en Tetje Scheltes Heslinga, muoike fan Klaas Mattheus Mattheus (VIII.14, hjirûnder)
De nammen Foke en Fokke wurde trochinoar brûkt. Op 21-8-1778 wurdt in soan fan Jan en Akke yn it Doopboek fan Bitgum ynskreaun as Foke; op 4-1-1790 wurdt in soan fan Jan en Yfke yn it Ingelumer Doopboek as Fokke beneamd; by syn geboarte stiet Jan syn heit as Fokke Jans te boek; Jan wurdt fierders ek meast Jan Fokkes neamd, bygelyks yn it Trouboek by syn twadde boask
13 Jarich Gerbens Hiemstra ~ Bitgum 25-1-1750 † St.-Anne 5-10-1840, hûsnr 21, 90 jier; wennet yn 1782/’85 te Bitgum; yn 1784 te Hallum; yn 1787/’98 te St.-Anne; gernier te Hallum, yn 1817 dêr arbeider; yn 1824, ’32 gernier op Alde Leie ûnder Hallum; yn 1825 dêr arbeider;
x Bitgum 29 aug. 1779 Yebeltje Rienks (ek: Rienx) † Alde Leie ûnder Hallum; by trouwen fan Bitgum
Jarich nimt op 20-2-1812 de namme Hiemstra oan;
Yn 1832 hat Jarich yn eigendom te Hallum in hôf (perseel 287, 350 m2) en in hûs en hiem (perseel 288, 88 m2); Minútplan Hallum B2 Seksje B Lizzer 123
14 Grietje Gerbens (ek: Grytje, Gryttje; doopt as: Grietie) ~ Bitgum 16-7-1752 † Dronryp 26-2-1795; docht belidenis te Dronryp op 6-5-1781, 4-11-1794 dêr lidmaat; boerinne ûnder Dronryp;
x Dronryp 26-6-1774 (ûndertrou? Dronryp 19-6-1774), har neef, hja fan Bitgum, hy fan Dronryp, Klaas Mattheus Heslinga * Boksum 4-5-1747 † Dronryp 31-1-1816, hûsnr 37 68 jier, boer ûnder Dronryp, sn f. Mattheus Scheltes Heslinga, boer te Bitgum en Boksum, en fan syn tredde frou Trijntje Gerrits;
Mattheus x 2 Dronryp 13-12-1801 Pytje Oepkes * Dronryp 1-6-1739 ~ dêr 22-6-1739 † dêr 19-5-1812, hûsnr 11, 72 jier; dr fan Oepke Pyters en Johanneske Martens;
Pytsje x 1 Marsum 25-12-1759 Tiede Jacobs (postúm Tiedema, Talsma en Tolsma, neffens namme-oannimming fan syn bern) * Marsum 1-12-1737 ~ dêr 8-12-1737 † Dronryp 25-8-1795, 57 jier; sn fan Jacob Jans en Janke Tiedes
Oantekening yn it Rekkenboek fan ’e Rypster Earmfâdij, 2-4-1795: ontv(angen) van Claas Mattheus voor ‘t 1 ½ duims doodvat gegaan aan deszelvs ov(er)leedene vrouw; kistgeld £ 15:-:-.
Yn ’e Doop- en Trouboeken wurdt Klaas net mei de achternamme neamd.
Gryt en Klaas ha fiif bern.

IX Klaas Gerbens Brouwer (yn akten foarnamme ek stavere as Claes/Claas, hy skriuwt syn namme sels as Klaas) * omstrings 1741 † Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum 18-11-1800 [] Bitgum rigel 16; wennet yn 1763, ’64 te Ljouwert, hy is dêr mooglik bierbrouwer (syn omke Jarich Piers Ferwerda is dat dêr allyksa); Mr. bierbrouwer te St.-Anne (hoeke Warmoesstraat/Van Harenstraat), 1788 boer op Sate nr 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum (kadastraal nr 71, letter 49, no Langhústerwei nr 4); brûker fan sawat 190 pmt; lidmaat Herf. Tsjerke St.-Anne 24-4-1769; diaken dêr 22-8-1784 – 5-8-1787; tsjerkfâd en earmfâd (foar it Suderkertier) 23-7-1794 – 27-5-1796

§ ACHTERNAMME FOARDAT NAPOLEON DEROAN TE PAS KOMT
Klaas Gerbens wurdt as bierbrouwer al mei de achternamme Brouwer oantsjutten, dat is de fan foar him en syn beide bern Aaltsje en Gerben al foar de offisjele oannimming/registraasje fan famyljenammen yn 1811. Klaas syn bruorren Skelte en Jabik en suster Eeke neame har Heslinga, nei har mem; trije skoansusters wurde ek by dy namme neamd. Wie Klaas foar 1811 net al mei Brouwer oantsjut, dan hie er him mooglik ek mei de fan Heslinga ynskriuwe litten. 
Sjoch: Erfgoed Fundaasje Heslinga – Genealogy

Klaas Gerbens x 1 Ljouwert, Galileërtsjerke, 29-4-1763, dan beide fan Ljouwert,
Hendrikje Alberts (yn Trouboek neamd: Hendrikjen) † St.-Anne 31-10-1769, neffens in ynboelbeskriuwing fan Klaas Gêrms:
Alzoo ik Claas Gerbens Mr. Brouwer in St Anna voornemens ben ten tweede huwelijk over te gaan, en bij mijn eerste vrouw Hendrikje Alberts kinderen in egte geprocreeert zijn, waarvan egter maar een Aaltje genaamd bij haar overlijden op den 31 October 1769 in leeven was en nog is leevende, welke derhalve enigste erfgenaam van haar wijlen moeder is geworden.
Yn ’e stjerakte fan har dochter Aaltsy neamd as: Hendrikje Jans, dat sil in fersin wêze.
x 2 (syn achternicht) St.-Anne 29-7-1770
Tætske Sipkes Heslinga * Hitsum 2-8-1743 † St.-Anne 12-8-1825, neffens stjerakte hûsnr 8, Tætske soe dan net ferstoarn wêze op Sate nr 3, 81 jier âld [] Bitgum r. 16, dr f. Sipke Jans, boer (wrsk. op nr 8) te Hitsum en sûnt omstrings 1749 timmerman te Boksum (Kwotisaasjekohier: ‘wel in staat’, en fan Pietje Petrus Heslinga.
Tætske is nei de dea fan har man (foar in trije-fjirde part ) eigner en brûker fan Sate nr 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne. Hja buorket dêr mei har beppesizzer Klaas en wierskynlik Reimer, se is dêr ek ferstoarn (neffens Memories van successie – ynvintarisnr 11019, aktenr 631; neffens har stjerakte is se stoarn op hûsnr 8 te St.-Anne, dat sil wol in fersin wêze).
Har skoandochter Aukje Reimers Koopal ferfart yn 1821 nei St.-Anne, nei alle gedachten wenje dy har jongere jonges Sipke, Wop en Jelle by har, se ferstjert yn hûsnûmer 181.
-23 april 1822: Tætske hat in skuld by jonker Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen op ’e Jouwer; notaris: Everhardus Epeus Wielinga van Scheltinga te Ljouwert; Repertoire: 077025
-bûten in oanpart yn ’e pleats Sate 3 besit Tætske: eene Hovinge, groot een en negentig roeden, vijf en tagtig ellen, en een en negentig palmen vierkant, gelegen ten oosten aan en onder St Anna Parochie
Tætske lit op 8 augustus 1825 – fjouwer dagen foar har ferstjerren – by opbod de appels, parren en wâlnuten dêrút ferkeapje, de opbringst is dan f 271,50.

By it oangean fan syn twadde houlik lit Klaas Gerbens de ynboel beskriuwe foar syn dochter Aaltsje (It Bilt Weesboeken R.A.-H 33).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 2

Klaas Gerbens Brouwer en Tætske Sipkes Heslinga litte har testamint opmeitsje op 17 nov. 1800 (It Bilt – Notariële Archieven 559).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 3

Tætske Sipkes Heslinga testamintet as widdo op ’e nij op 31 july 1824. Nei har ferstjerren wurdt har ynboel ynventariseard en takseard yn it stjerhûs op 25 augustus en op 24 septimber 1825 (It Bilt – Notariële Archieven 885).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 4

Op 4 desimber 1825 wurdt troch de erfgenamten fersocht ta publike ferkeaping fan ’e huzinge, it lân en de ynboel omreden (neffens in oantekening by it ûndersteande stik).
Sjoch: Bylage I Ynboelbeskriuwingen 5

brouwer-sate-3
Sate 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum, hjir buorkje trije generaasjes Brouwer. Foto: Bauke Postma. Kolleksje Erfgoed Fundaasje

Ut it houlik fan Klaas Gerbens Brouwer en Hendrikje Alberts binne trije bern bekend:
1 Aaltie Clases Brouwer ~ Ljouwert, Jakobinertsjerke, 19-2-1764
2 Gerben Klazes ~ St.-Anne 28-7-1765 † foar 29-7-1770
3 Aaltje Klazes Brouwer ~ St.-Anne 7-9-1766 † Kollum 25-11-1849, 83 jier, 24.30 oere, hûsnr 114, wyk A; oerkommen mei attestaasje fan Ljouwert nei Herf. Tsjerke Kollum 5-6-1796; winkelfrou te Kollum yn 1834; yn 1849 dêr sûnder berop;
x (ûndertrou foar it Gerjocht te Ljouwert 22-4-1796) Ljouwert, Galileër Tsjerke, 8-5-1796, 29 en 40 jier, Anne Lubberts Kloosterman * Gerkeskleaster 19-2-1756 ~ dêr 14-3-1756 † Kollum 4-4-1814, hûsnr 110, wyk A, 58 jier; keapman te Kollum, sn f. Lubbert Annes (postúm: Kloosterman) en Trijntje Theunis.

Neffens akte fan nammeregistraasje yn 1811 nimt Anne Lubberts de namme Kloosterman oan foar him en syn seis bern; by syn trouwen yn 1796 wurdt er yn it Ljouwerter Trouregister Cloosterman neamd; Aaltsy stiet dêryn ek te boek mei de achternamme: Aaltje Clases Brouwer
Bern:
1 Klaas Annes Kloosterman * Kollum 8-3-1797 ~ dêr 26-3-1797 dêr 2-1-1879, 81 jier; by trouwen notarisklerk te Bûtenpost; hy en Dyt wenje yn 1834 te Stiensgea; op 8-6-1848 wurde se dêrwei se ynskreaun te Kollum; yn 1849, ’51 arrondissemintsdoarwarder te Kollum (hûsnr B106); yn 1851, ’55 hierder fan lân ûnder Kollum; Klaas wennet op ’e âlde dei yn by syn dochter Anke en har man Arent Doornbos, groatmakker te Kollum (B118), en dy wenje earst by Klaas yn;
x Achtkarspelen, 27 en 24 jier, 25-5-1824 Dietjen Siegers Dijkstra * Mûntsjesyl 4-11-1799 ~ dêr 10-11-1799 † Kollum 26-6-1848, hûsnr 195, 48 jier; by trouwen sûnder berop te Mûntsjesyl; by ferstjerren idem te Kollum; dr fan Sieger Johannes Dijkstra en Anke Ritskes Beistra, bouboeren te Mûntsjesyl ûnder Burum
2 Lubbartus Annes Kloosterman * Kollum 21-8-1798 ~ dêr 9-9-1798 † dêr 18-6-1821, hûsnr 110, 22 jier; by ferstjerren horloazjemakkersfeint te Kollum
3 Trijntje Annes Kloosterman * Kollum 27-11-1800 ~ dêr 7-12-1800 † dêr 28-10-1863, hûsnr 138B, 62 jier; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Kollum; komt op 5-9-1831 as lidmaat út Ljouwert te Kollum;
x Kollumerlân 27-9-1834, beide 33 jier, Haye Tjerks Hacquebord * Ljouwert 15-7-1801 ~ Ljouwert, Jakobinertsjerke, 5-8-1801
Kollum 15-6-1850, hûsnr 114, Wyk A, 48 jier; by trouwen en dêrnei touslachter te Kollum; by ferstjerren dêr touslachtersfeint, wierskynlik by syn heit; sn f. Tjerk Hayes Hacquebord, touslachter te Ljouwert, sûnt 1802 te Kollum oan ’e Westerdjipswâl mei in twadde touslachterij te Dokkum, en fan Tietje Feddes de Mol, winkelfrou te Kollum
Tryntsje en de bern ferkeapje op 29-11-1852 it hûs nr 114 Wyk A te Kollum oan sweager en omke Fedde Tjerks Hacquebord, touslachter te Dokkum; keapsom: f 900,00
4 Hendrik Annes Kloosterman * Kollum 21-5-1803 ~ dêr 5-6-1803 Bûtenpost 3-8-1855, 52 jier; yn 1845, ’49 doarwarder te Burgum; by ferstjerren doarwarder by de Arrondissemintsrjochtbank te Ljouwert, wenjend te Bûtenpost
5 Theunis Annes Kloosterman * Kollum 23-4-1806 ~ dêr 18-5-1806 Utrecht, yn it Grut Ryks Hospitaal, 16-1-1832, 20 jier; by ferstjerren korporaal by de 3e Kompanjy, 3e Bataljon, 1e Ofdieling fan ’e mobile Fryske Skutterij
6 Gerben Annes Kloosterman * Kollum 11-2-1810 ~ dêr 4-3-1810 Menaam, mooglik op Sjoelema state by syn neef Reimer Gerbens Brouwer, 12-3-1858, 48 jier; yn 1849 gernier te Froubuorren; dêrnei ynwenjend arbeider by (folchoarder net wis) Ale Jeltes Hemstra en Pietje Tiedes, boeren ûnder Menaam (hûsnrs 48, 105); idem by Jan Sybes Sevenster en Reino van der Tuuk, bouboeren ûnder Menaam (hûsnrs 38, 102); idem by syn neef Reimer Gerbens Brouwer en Jantsje Rinses Haadsma, bouboeren op Sjoelema state ûnder Menaam (hûsnrs 34, 166);
Germ wurdt op 1-11-1838 feroardiele ta twa en in healjier finzenisstraf fanwegen dieverij (Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert); hy sit yn ’e gefangenis te Hoorn;
Germ wurdt op 24-9-1853 feroardiele ta in boete fan f 14,00 en de kosten fan ’e proseduere fanwegen ‘Overtreding der Wet op de Jagt en Visscherij’ en by wanbetelling ta in gefangenisstraf fan sân dagen (Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert)

Ut it houlik fan Klaas Gerbens Brouwer en Tætske Sipkes Heslinga binne twa bern bekend:
4 Gerben Klazes Brouwer ~ St.-Anne 21-7-1771
5 Gerben Klazes Brouwer, folget X

X Gerben Klazes Brouwer * St.-Anne 2 juni 1777 ~ St.-Anne 15 juni 1777 † Sate 3 Súdhoek ûnder St.-Anne 24 juny 1818, 20 oere, hûsnr 3, 40 jier [] Bitgum r.16, lizzende sark, oarspronklik grêfskrift:
1818 DEN 24 JUNIJ IS OVERLEDEN/GERBEN KLASES BROUWER IN LEVEN/HUISMAN IN DE ZUIDHOEK ONDER ST ANNE/IN DEN OUDERDOM VAN 41 JAREN EN 3 WEKEN/EN LIGT ALHIER BEGRAVEN/

Gerben Klazes is eigenerfd boer/húsman op Sate nr 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne ûnder Bitgum. Hy stiet op ’e list fan ’e heechstoansleinen op it Bilt (11 april 1812).
Hy is tsjerk- en earmfâd Herf. Tsjerke St.-Anne 7 juny 1808-5 juny 1818; folmacht fan wetterskip ‘Het Oud Bildt’ foar St.-Anne 5 juny 1810-17 juny 1813; lid municipale rie foar St.-Anne 1 jan. 1812-1 okt. 1816; pleatsferfangend skout (foar 1814 wie de beneaming adjunkt maire/loko boargemaster) dêr 21 jan. 1814 oant syn ferstjerren.

Sate nr 3 leit yn ’e gemeente It Bilt en heart ûnder de klokslach fan St.-Anne. Gerben Klazes is as Biltker in skoft adjunkt-maire en as Sint Annebuorster tsjerk- en earmfâd fan St.-Anne. Mar it deistich libben fan ’e Brouwers is rjochte op Bitgum. Sa binne se dêr tsjerklik ynskreaun, wurde de bern dêr doopt en begroeven en gean dy dêr ek nei skoalle ta.

Gerben Klazes x St.-Anne 5 nov. 1797
Aukje Reimers Koopal, ûnder akten tekenet hjasels: Koop=al, * Froubuorren 16 nov. 1775 ~ dêr 25 des. 1775 † St.-Anne 18 maart 1829, hûsnr 181, 53 jier [] Bitgum r. 31, gr. 1 (op har grêfstien stiet by fersin as stjerdatum 9-2-1856, mar doe fertige har achternichtsje fan 11 jier mei deselde namme); docht op 11 febr. 1816 belidenis te Bitgum; giet op 7 nov. 1921 mei attestaasje dêrwei nei St.-Anne, is dêr gernierske en letter sûnder berop; hja ferkeapet yn ’e mande mei har bern op 22 july 1826 de pleats Sate 3; dr f. Reimer Sjoerds Koopal, boer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren, tsjerk- en earmfâd dêr, en fan Jeltje Wopkes Tolsma, as widdo eigneres en brûkster fan lân ûnder Froubuorren.
Sjoch: Genealogy Koopal IV 4.3

Hantekeningen fan Aukje Reimers Koopal, Klaas Gerbens Brouwer en Reimer Gerbens Brouwer

Germ en Auky dogge belidenis op 38 en 36-jierrige leeftyd neffens de Lidmatelist Herf. Tsjerke Bitgum: 1816 Den 11 Februarij zijn tot lidmaten van ons Kerkgenootschap, na afgelegde Geloofsbelijdenis, voor den Kerkeraad aangenomen: Gerben Klazes Brouwer & Aukje Reimers Koopal Echtelieden/…/
Sjoch: Genealogy Koopal – IV4.3

§ HEIT HEECHST OANSLEIN, SOAN YN EARMHÛS STOARN
Under it bewâld fan Napoleon wurdt yn elk Departemint in list opmakke fan ’e seishûndert belestingbetellers dy’t it measte besitte. De list foar Fryslân, opmakke troch it Departemint fan Finânsjes te Parys neffens de hâldfêsten fan ’e gemeentebestjoeren, dateart fan 11 april 1812. Under de trichtich lju mei it measte fermogen op it Bilt stiet ûnder St.-Anne Gerben Klazes Brouwer.

Fan ’e seishûndert rykste Friezen wennen doe 47 op It Bilt, dat is 8%, wylst de Biltse befolking (4.883), 2,6% fan ’e Fryske befolking yn dy tiid útmakke (175.375).
Fan ’e Biltse befolking heart 1% by dy riken, dêrneist bestienen 13 à 16% bedeelden. In grut ferskil yn ryk en earm. (Skema út W.Tsj. Vleer, De Friese Wassenaars.)



§ Gêrm Klazes Brouwer keapet en ferkeapet ryklik lân
-28 april 1811: Gerben Klazes keapet fan Catharina Dirks Fontein, troud mei Pieter Freerks Fontein, op Eelsma state te Seisbierrum, bou en greide ûnder Froubuorren; keapsom: f 11.088,00; notaris: Paulus Johannes Mebius te Marsum; Repertoire: 102028
-selde dei: Gêrm keapet fan deselde boulân ûnder Froubuorrren; keapsom: f 1.003; selde notaris
-Gêrm keapet
-1 des. 1817: Gêrm ferkeapet lân te St.-Anne; selde notaris
-8 des. 1817: Gêrm ferkeapet oan Dirk Dirks Tanja te St.-Anne lân; keapsom: f 1360,00; notaris: Everhardus van Loon te St.-Anne; Repertoire: 004014
-4 maaie 1818: Gêrm keapet fan syn sweager Doekele Reimers Koopal, bouboer te Hallum, 2 moargen (1,70 ha. = f 700,00 de hektare); f 1250,00; notaris: Everhardus van Loon te St.-Anne; Repertoire: 004014

§ De pleats wurdt yn 1826 ferkocht
Aukje en har bern ferkeapje de pleats Sate 3 yn ’e Súdhoek op 22-7-1826 oan Bernhardus Buma te Weidum, sjoch hjirûnder; en fierders hjir hâldfêsten oer oare ferkeap en skuld Aukje oanbelangjende.

22-5-1822: Aukje Reimers Koopal te St.-Anne hat in skuld fan f 400,00 by Broer Sierks Piersma troud mei Janke Tetmans te Wurdum; notaris: Jan Everhardus van Loon te St.-Anne; Repertoire: 005008
5-3-1823: Aukje en har soan Klaas hawwe in skuld fan f 3.050,00 Willem Albarda te Ljouwert; selde notaris
5-7-1823: Aukje ferkeapet op stâl steande rogge; opbringst: f 299,00; selde notaris
-23-06-1824: Aukje ferkeapet en ferhiert perselen op stâl steand hea en in stik neigers; selde notaris
23-6-1824: Aukje ferkeapet en ferhiert perselen op stâl steand hea en in stik neigers; selde notaris
-10-7-1826: Aukje ferkeapet fruchten steande op it fjild; opbringst: 228,00; notaris Oebele Braunius Oeberius te St.-Anne
22-7-1826: Aukje ferkeapet twa perselen greide te Froubuorren; keapsom: f 1952; notaris: Jan Everhardus van Loon
op 22-7-1826
: Aukje ferkeapet (as fâd oer har bern Sipke, Wopke en Jelle) yn ’e mande mei har soannen Klaas en Reimer Gerbens Brouwer, beide te St.-Anne, ûnreplik guod te St.-Anne en Froubuorren; de pleats Sate 3 en byhearrend lân; selde notaris.
De keapers binne:
>Bernardus Buma te Weidum: perseel nr 1 (Sate en lannen te St.-Anne nr 3) en de perselen nrs 2, 5 en 6
>Gerrit Nicolaas Mulier te Ljouwert; perseel nr 4; keapsom: f 1.365,00
>Reimer Gerbens Brouwer te St.-Anne; perceel 10, 12 en 18 (in hûs nr 269)
>Klaas Ædes Hofstra te Menaam; perseel nr 13; keapsom: f 625,00
>de Diakony fan ’e Herfoarmde Gemeente te Wier; perseel 14 en 15
>Rense Anskes de Groot te Berltsum; perseel 16; keapsom: f 1.200,00
>Job Jans Andringa te St.-Anne; perseel 17; keapsom: f 1.202,00

-19-7-1827 Aukje ferkeapet oan Jan Dirks Siderius te Bitgum, lân te Froubuorren; keapsom: f 348,00; selde notaris
-8-8-1828
: Aukje ferkeapet yn ’e mande mei har sweager Bauke Jacobs Heslinga, man fan Wintje Reimers Koopal, te Froubuorren perselen nôt en fjildfruchten steande op it fjild; opbringst: f 424,00; selde notaris
25-03-1829
: de erfgeneamten fan Aukje ferkeapje replik guod; opbringst: f 291,00; selde notaris
-yn 1832 hat Aukje it folgjende boulân te St.-Anne yn besit: de perselen 314 en 332, respeptivelik 5690 en 26100 m2; Kadaster 1832persyn b

  • Bron: Kadaster 1832
  • Soort registratie: Kadaster 1832 inschrijving
  • (Akte)datum: 1832
  • Plaats: St. Annaparochie

Bijzonderheden:
Minuutplan St. Annaparochie D3 Sectie D Legger 33

.

§ Earmhûs of betelle rêsthûs en ferpleechhûs? 
Germ en Auky har âldste soan Klaas wennet as widner op ’e âlde dei fan 1871 oant syn ferstjerrren yn 1878 as ‘verpleegde’ yn it Earmhûs te Bitgum. Har alfste bern, Jelle, ferstjert yn it Berltsumer earmhûs.
Alden fan dagen koenen yn Klaas en Jelle har tiid ek tsjin betelling telâne yn in earmhûs – dat dan as sadanich tsjinne as, c.q. ferpleechhûs en rêsthûs. Hoe’t Klaas en Jelle dat hienen, is net bekend; Kllas is widner en Jelle is frijfeint bleau, en beide ha gjin bern.
Fan beide stiet wol in rouadvertinsje yn ’e Ljouwerter Krante fan 12-1-1897, en dat is net weilein foar earmelju. Mar it kin ek wêze dat har begoedige âldste omkesizze Germ Roimers (XII.1) dy bestuivere.

Ljouwerter Krante, jan. 1897:
Heden overleed onze waarde Oom/JELLE GERBENS BROUWER, in den/ouderdom van ruim 81 jaren./Berlikum, 9 Januari 1897./G.R. Brouwer./Kennisgeving aan Familie, Vrienden en/Bekenden./

§ KOM, KOM, ALLEGEAR MERAKELS!
Neffens oerlevering út ûnderskate stagen fan syn neiteam, gong Gerben Klazes in kear yn tsjerke yn Bitgum midden ûnder de preek stean en rôp er: Kom, kom, allegear merakels, allegear merakels!
Opmerklik is dat dit sizzen – dat as sprekwurd by it neigeslacht beklonken is – sels oerlevere wie troch de ‘Indise Brouwers’ (de neiteam fan Meindert Wopkes). Maria Martha Warners-Brouwer – in oer-oerpakesister – koe dizze siswize noch yn it Frysk neifertelle (simmer 1973).

De skiednis herhellet him by Germ Klazes syn soan Klaas: dy wurdt yn 1842 feroardiele fanwegen ‘Verstoring van de godsdienstoefening en belediging van den predikant’, sjoch dêr (X.3).
Maria Warners-Brouwer ferhelle ek it folgjende: Gerben Klazes kaam letter net mear yn tsjerke. Doe’t ien him hifke oangeande de reden, sei er: Wat men oan ’e siele wint, ferliest men oan it lichem. It wie yn tsjerke altyd sa kâld. Syn neiteam naam tenei de betsjutting sawol letterlik as figuerlik op. Fia deselde boarne waard út Indië wei it folgjende trochjûn: Gerben Klazes mocht graach in slokje en sa kaam er wolris beskonken thús. Ien fan dy kearen rôp er syn frou. Mar dy woe fan nidigens net komme. Hy sil tocht ha: Asto net by my komst, dan kom ik wol by dy. En sa stoep er op it hynder de keamer yn.
’t Ferhaal gaat ok dat doe’t Germ en Auky trouden, Germ teugen Auky saai: Jou my de poat Auk. Dêr hest ’m Gerrem. Dutselde dee him ok foor soa’n seuventig jaar eerder bij Tsjalling Camstra en Auck Haersma: Jou my de poat Auck. Dêr hast him Tsjalling.
Sou ’t ferhaal dêr wegkomme?

Fan ’e trettjin bern wurde fiif folwoeksen
Ut it houlik fan Gerben en Aukje binne trettjin bern bekend, fiif jonges dêrfan wurde folwoeksen. De earste Jeltsje wurdt fjirtjin jier, de earste Klaas sawat ien jier, de earste Tætske hast fiif moanne, de twadde Tætske oardel jier, de tredde Tætske sân jier en acht moanne, de earste Jelle sân moanne, de twadde Jeltsje oardel jier, en de tredde Jeltsje fiif moanne.
Yn 1818 ferstjerre Gerben Klazes en twa fan ’e bern. Krekt foar Gerben syn dochter Tætske fan sân jier, en oardel moanne nei him Jeltsje fan fiif moanne.
Hjirûnder is de stavering fan ’e foarnammen oanhâlden sa’t dy yn ’e doopboeken stiet.

3 Jeltje Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 1 maaie 1798 ~ St.-Anne 27 maaie 1798 † Súdhoek St.-Anne 5 maaie 1812, hûsnr 3, 14 jier [] Bitgum, rigel 16
2 Klaas Gerbens * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 28 april 1800 ~ Bitgum 8 juny 1800 † foar 21 des. 1801
3 Klaas Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 21 des. 1801~ Bitgum 31 jan. 1802 † Menaam (Bitgum) 23 sept. 1878, hûsnr 46, 76 jier [] Bitgum, rigel 14
Rouadvertinsje Ljouwerter Krante 27 sept. 1878:
Overleden te Menaldum, Klaas G./Brouwer, oud circa 77 jaren./23 September ’78./Geheel eenige kennisgeving./
Klaas is hierder fan syn famylje op syn âlderspleats yn ’e Súdhoek ûnder St.-Anne
; Klaas wennet yn 1829 te St.-Anne, yn 1831 te Bitgum, yn 1835, 36, 1842 te Marsum (Notarieel argyf); yn 1843 is er fuorman te St.-Anne, yn 1861 idem te Bitgum (hûs en hiem B22b), yn 1865, ’69 is er dêr winkelman; op Alde Maaie 1870 ferfarre hy en syn frou út Bitgum nei Menaam (Bitgum), hûsnr 188, Klaas is dan arbeider; hy stiet sûnt 13/20 febr. 1871 te boek as ferpleegde yn it Earmhûs te Menaam (Bitgum), by ferstjerren is er sûnder berop;
x St.-Anne 1 juny 1823, beide 21 jier, Maaike Oenes Wouda * Bitgummole 22 des. 1801 ~ dêr 3 jan. 1802 † Menaam (Bitgum) 4 juny 1870, hûsnr 188, 68 jier [] dêr r.14, gr. 11; by trouwen yn 1823 faam te St.-Anne, oant 1827 boerinne op Sate 3 ûnder Bitgum; by ferstjerren sûnder berop te Menaam (Bitgum); dr f. Oene Wytses Wouda, skipper te Bitgummole, by ferstjerren mei 80 jier yn 1849 dêr arbeider (hûsnr 24), en fan Janke Foppes Fopma
; Maaike en Janke kinne net skriuwe.
As tsjinstfaam wennet sûnt 19/21 juny 1862 by Klaas en Maaike yn, se komt dan út Berltsum: Wilhelmina Frederica Gon * Ljouwert 10 okt. 1828 dêr 4 maart 1866, 37 jier; as Mine by Klaas en Maaike komt, is se al seis moanne swier fan dochter Theodora; Mine ferhuzet op Alde Maaie 1863 út Bitgum nei Dronryp, is dêr ynwenjend faam by bakker Obbe Klazes Wassenaar; se ferhuzet dêrwei op 16 febr. 1864 nei Ljouwert, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Hubertus Daniels Gon, kastemakkersfeint te Ljouwert, en Grietje Adriaans Bouma;
Theodora wurdt by Klaas en Maaike yn ’e hûs geboaren: Theodora Gon * Bitgum 13 sept. 1862; ferhuzet op 15 des. 1866 nei Zetten, Gelderlân; komt op 2 des. 1885 út Baarn yn Ljouwert (Suderstrjitte F3, Weard K7), is dêr bernefaam; ferhuzet dêrwei op 13 nov. 1888 nei Haarlem; wennet dêr sûnt 1949 yn ’e Pieter Kiesstraat 44; x Haarlem 6 maaie 1891, 28 en 21 jier, Adrianus Witkamp * Haarlem 10 maaie 1869 dêr 16 april 1941; keapman te Haarlem.

§ Hierder op syn âlderspleats
Klaas is hierder fan syn famylje op syn âlderspleats yn ’e Súdhoek ûnder St.-Anne fan 7 jan. 1823 oant de ferkeap yn 1826 (36 bunder en 74 fjouwerkante roeden; 13 bunder greide en 23 bunder boulân).
-Op 7 jan. 1823 hiert er Sat en en L6an nr 3 fan syn beppe Taetske Sipkes Heslinga; hiersom: f 840,00 yn ’e jier;
notaris: Jan Everhardus van Loon te St.-Anne; Repertoire: 005008
Klaas hiert op 27 maart 1830 fan Tjitske Reinders Miedema, widdo fan Arjen Sybes Hoekstra te Hallum, boulân te Froubuorren; hiersom: f 80,00 yn ’t jier; notaris: Jan Carel Kutsch te Ljouwert; Repertoire: 076096.

§ IN WAT SNEU SECHJE
Dit sechje gong yn Bitgum: Earst boer, dan kastlein, dêrnei mei ’t gat op ’e fuormanswein en dan as arbeider nei d’ ein. Klaas en Maaike hawwe alle stadia net meimakke.

In fariant te Froubuorren-Stiens, meidield troch Pieter Sipke Bouma te Stiens: Earst boer, dan kastlein, dan mei it gat yn ’e fuormanswein, hynder dea en de wein ynein.
Noch wer in oare – net folle lichtere fariant: Earst boer, dan kastlein, it kret stikken en de wein ynein, as arbeider nei d’ ein.

§ Klaas komt foar
Op 27 april 1842 wurdt Klaas fanwegen ‘Verstoring van de godsdienstoefening en belediging van den predikant’ ta in selstraf fan fjirtjin dagen en in boete fan f 8,00; Rol fan strafzaken, argyfnûmer 18-02, Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert; ynvintarisnr 82, aktenr 831.
Op 29 nov. 1843 moat Klaas by deselde Rjochtbank foarkomme fanwegen mishanneling.
-Op 1 nov. 1865 wurdt er dêr feroardiele ta seis wiken finzenis, in boete fan f 8,00 en it beteljen fan ’e kosten fanwegen ‘Geweldadigheden jegens een bedienend beambte enz.’.

4 Reimer Gerbens Brouwer, folget XI.1
5 Theedske Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 30 des. 1806 ~ Bitgum 1 febr. 1807 † Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 26 maaie 1807, krapoan 5 moanne [] Bitgum, rigel 16
6 Sipke Gerbens Brouwer, sjoch: Genealogy Brouwer 2
7 Teertske Gerbens Brouwer
* Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 1 febr. 1809 ~ Bitgum 12 maart 1809 † foar 18 sept. 1810 [] Bitgum, rigel 16

8 Theetske Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St. Anne 18 sept. 1810 ~ Bitgum 7 okt. 1810 † Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 30 maaie 1818, 20 oere, hûsnr 3, 7 jier (yn stjerakte foarnamme stavere as: Tææske) [] Bitgum r. 16
9 Wopke Gerbens Brouwer, sjoch: Genealogy Brouwer 3
10 Jelle Gerbens Brouwer
* Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 26 aug. 1813 ~ Bitgum 26 sept. 1813 † Sate nr 3 Súdhoek St. Anne 15 maart 1814, 8 oere, hûsnr 3, in healjier [] Bitgum r. 16

11 Jelle Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 17 febr. 1815 ~ Bitgum 19 maart 1815 † Berltsum 8 jan. 1897, 9 oere, 81 jier; wennet yn 1832, ’36 te Bitgummole, is dêr gernier; 1837, ’40 gernier yn ’e Súdhoek fan St.-Anne (hûsnr nr 109), mei syn broer Wopke eigner fan in bunder lân ûnder St.-Anne; yn 1857 taper te St.-Anne; ferhuzet op 10 nov. 1857 dêrwei nei Frjentsjer; wennet sûnt 25 april 1871 yn by Heert Wybes de Jong en Rinske Rintjes van der Wal, arbeiders te Slappeterp (nrs 6, 3), is dan arbeider; wennet sûnt 1 jan. 1890 sûnder berop te Dronryp (hûsnr 63); komt dêrwei op 27 april 1891 sûnder berop as ‘verpleegde’ yn it Bitgumer earmhûs (hûsnr 1, earmheit en -mem: Tiete Groenveld en Saske Peterzon), wennet sûnt 1 april 1894 as ferpleegde yn it Berltsumer earmhûs (hûsnr 62; pleechheit en -mem: Johannes Koenraad van der Veer en Tjitske Hemminga)
-Jelle besit yn 1832 boulân te Froubuorren: de perselen 103, 103a en 103b: respektivelik 22770, 13580 en 20780 m2
Jelle keapet op 2 juny 1836 replik guod fan syn broer Klaas; keapsom: f 119,00; notaris: Pieter Tadema te Dronryp; Repertoire: 037020
-Jelle hat op 12 okt. 1840 in skuld fan f 500,00 by Oebele Braunius Oeberius, notaris te St.-Anne; notaris: Egbertus Petrus Brunger te Froubuorren; Repertoire: 134040
-Jelle hat op 15 aug. 1855 in skuld fan f 600,00 by Romke Tjerks Bijlsma te St.-Anne; notaris: Jan Hzn Albarda te Ljouwert; Repertoire: 078075
-Jelle ferkeapet op 5 jan. 1856 oan Jacob Jans Bokma te Seisbierrum in hûs, keamer en tín te St.-Anne; keapsom: 1.298,00; notaris: Abraham Wassenbergh te St.-Anne; Repertoire: 005057
12  Jeltje Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 28 maaie 1816 ~ Bitgum 23 juny 1816 † Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 30 des. 1817 [] Bitgum r. 16
13 Jeltje Gerbens Brouwer * Sate nr 3 Súdhoek St.-Anne 3-2-1818, 8 oere † dêr 29-7-1818, 21 oere, hûsnr 3, 5 moanne [] Bitgum r. 16


GENERAASJE XI
XI.1 Reimer Gerbens Brouwer
* Sate nr 3, Súdhoek St.-Anne 28-12-1802 ~ Bitgum 30-1-1803 † Menaam ûnder Bitgum 16-9-1871, hûsnr 167, 68 jier, [] Bitgum r. 16, gr. 4; arbeidet en gernierket foar syn trouwen op syn âlderspleats; by trouwen gernier te Menaam; sûnt (wierskynlik) 1828 is er bouboer op Sjoelema state op ’e buorskip Koutum oan ’e Sânwei te Menaam ûnder Bitgum (M51, sa’n 70 pm; 31 bunder en 96 roeden); sûnt 1-12-1869 gernier yn it hûs nr 167BK; by it ferstjerren fan syn soan Klaas yn 1869 stiet er te boek as gernier, by syn ferstjerren sûnder berop;
x Menameradiel 12-11-1828, 25 en 22 jier, Jantje Rinses Haadsma * Easterbierrum 7-1-1806 ~ dêr 2-2-1806 † Skrâns ûnder Huzum 2-12-1878, hûsnr 143, 72 jier, [] Bitgum r. 16, gr. 3; by trouwen sûnder berop te Menaam; Roimer en Jantsy gean 19-10-1838 mei attestaasje fan Bitgum nei Menaam.
Boerinne op Sjoelema state; nei Roimer syn ferstjerren is Jantsy rintenierske yn ’e Skrâns ûnder Huzum; dr f. Rinse Ages Haadsma, boer te Easterbierrum, letter Minnertsgea, sûnt 1818 op Donia state (ek neamd Hemmema) te Menaam ûnder Bitgum, tsjerkeriedslid te Bitgum, en fan Botje Tanes Faber (tekenet de trou-akte fan Jantsy mei Bottie Tanes, sûnder Faber).
Sjoch:  Erfgoed Fundaasje Genealogy Haadsma

Fan Reimer Gerbens I is in sulveren hazzesprong – dat is in tabaksútheller foar de piip – bewarre bleaun en syn sulveren geboarteleppel. It foarwerp hyt ek pipepeuter, pipestoker en pipewrotter.

Reimer Gerbens Brouwer - hazzesprong
Hazzesprong fan Reimer Gerbens mei in hûn op ’e kop: symboal fan trou. Foto’s: Freek Zwart. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Brouwer-St.-Anne-Bitgum, skonken troch Roymer Doekeles Brouwer (XV.3.6)
Reimer Gerbens Brouwer - geboarteleppel
Geboarteleppel mei oan ’e bûtenkant fan ’e bak trije generaasjes Reimer Gerbens Brouwer: 1802, 1856 en 1915. Oan ’e binnenkant: Rense Ulbe 1 dec. 1980 (soan fan Jehannes Ulbe Reimers Brouwer)
image3
Eigendom: Rense Ulbe Brouwer (XVI.2.1.). Sjoch foar beskriuwing: Erfgoed Fundaasje – Sulver – Brouwer, Reimer Gerbens
brouwer-sjoelema-2
It eardere hoarnleger fan Sjoelema state oan ’e Sânwei ûnder Menaam, mei noch in stik fan ’e grêft. De pleats stie op ’e terp Koutum. It is noch in krunige hoeke: mei de ruilferkaveling is dit histoarys stee net sljochte, tanksij de ynset fan Doekele Gerbens Brouwer, dan foarsitter Ruilferkaveling Berltsum (XV.3). Op ’e achtergrûn de buorskip Paulus Tille. As Reimer Gerbens-en-dy dêr buorkje wurdt Sjoelema state ‘de Brouwerspleats’ neamd, mei de Brouwersgrêft, -opfeart en –reed; en it Brouwerslân, dat noch lang sa neamd wurdt, grif omdat har neiteam dat oant yn ’e fyfde generaasje nei him noch brûkt. Fotograaf: Bauke Postma. Kolleksje Erfgoed Fundaasje
Jantje Rinses Haadsma rouadvertinsje
Ljouwerter Krante, 6-12-1878

Bern:
1 Gerben Reimers Brouwer, folget XII.1
2 Botje Reimers Brouwer
* Sjoelema state Menaam ûnder Bitgum 24-8-1831 † dêr 8-11-1851 [] Bitgum r. 16

3 Aukje Reimers Brouwer * Sjoelema State te Menaam ûnder Bitgum 29-3-1835 † dêr 23-5-1884, 49 jier, [] Bitgum r.16, gr.6;
x Menameradiel 29-3-1862, 27 en 23 jier, Jentje Dirks Siderius * St.Jabik 4-8-1838; by trouwen keapman te Rie, yn 1864 dêr koaltsjer; yn 1868 gernier te Doanjum; yn 1870, 1892 gernier en keapman te Bitgum (hûsnr B38, nei 1875 omnûmere nr 52); emigreart yn 1892 mei syn soan Reimer nei de Feriene Steaten; yn 1898 ‘farmer’ te Ashton, South Dakota, yn 1915 feehâlder te Chicago (H 10209, Lasellestr.); sn fan Dirk Dirks Siderius, yn 1810, ’53 keapman te St.-Anne, 1833-1838 boer op Toerenburg (nr 30) te St.-Anne ûnder Bitgum, dêrnei boer op it Nijbilt ûnder St.-Jabik (nr 34), en fan Reinou Klazes de Groot, wennet as widdo sûnder berop te Rie;
Jentsje x 2 Ljouwerteradiel 26-2-1898 Rinske Gerrits Plantinga; winkelfrou te Stiens; dr fan Gerrit Gerrits Plantenga en Bootje Jacobs Damstra, widdo fan Wijtze Hiemstra
Sjoch: Johannes Woudstra, Siderius, de Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum, 2002 – XII.207, side 153 + idem, Schema Siderius-Brouwer-Koopmans/Koopal-Heslinga, siden 176 en 177

Bitgumer hôf, rigel 16, nûmer 6 (links) en 5.
Grêven fan Aukje Reimers Brouwer, Trijntje van Tuinen, Klaas Reimers Brouwer, Gerben Reimers Brouwer, Pieter van Tuinen en Dirkje Brouwer

4 Rinse Reimers Brouwer, folget XII.2
5 Jeltje Reimers Brouwer
* Sjoelema state te Menaam ûnder Bitgum 3012-1840 † Everett, Washington, Noard Amearika, mooglik yn 1910, 69 jier, [] Event Place Everett Ward 2, Snonomish, Washington; yn 1874 keapfrou yn ’e Skrâns ûnder Huzum, yn 1893 dêr sûnder berop; ferfart yn 1902 nei Everett, Washington, Noard Amerika, wurdt dêr neamd Geltzie Fisher (neffens fonetyskachtige klanken fan Jeltsy en Fries, los fan ’e etymologyske stam); Jeltsy wennet yn by har soan Reimer Gerrits de Vries, dy hat dêr eigendom ûnder de namme Ralph Fisher (* Bitgummole 12-2-1871 † Yakima, Washington 26-9-1956; x 25-11-1897 Mary Ann Gedes * Banff, Skotlân 10-3-1871 † Levenworth, Washington 4-5-1951; bern: Annie, Janet en Georg Fisher;

x Menaam 9-5-1866, 25 en 27 jier, Gerryt Foppes de Vries (by de geboarte ynskreaun as Gerryt, letter is it meast Gerrit) * Bitgum 12-5-1838 † ûnder Huzum 3-9-1877, hûsnr 143, 39 jier, [] Bitgum, r. 6, gr. 13 (syn ferstjerren wurdt er oanjûn troch syn heit en Keimpe Tjeerds de Vries, grofsmid ûnder Huzum); oant 1867 smidsfeint by syn heit te Bitgum; fan 11-6-1867 oant 10-3-1868 smidsfeint te Ljouwert; dêrnei smidsfeint by syn broer te Bitgum (hûsnr 11a); yn 1871 skipper te Bitgum; de húshâlding ferfart op 21-10-1874 dêrwei nei Huzum (Skrâns 283K), Gerryt is dêr arbeider; sn fan Foppe Pieters de Vries, grofsmid te Menaam en Bitgummole, en Rinske Jacobs Hiemstra
6 Froukje Reimers Brouwer
* Sjoelema state te Menaam ûnder Bitgum 20-3-1844, 23 oere, † St.-Jabik 14-9-1928 [] St.-Jabik r. 4 gr. 50; kastleinske yn De Brouwerij te St-Jabik, dêr ek winkelfrou;

x Hinnaarderadiel 17 febr. 1864, 21 en 19 jier, Æsge Ypes de Vries * Wommels 7-2-1843 † St.-Jabik 14-2-1929 [] St.-Jabik r. 4, gr. 50; fan 1-12-1861 oant 13-5-1865 bakkersfeint by Fokke Abdias Buwalda te Bitgum (nr 76); dêrnei te Frjentsjer, wenjend te Wommels; by trouwen bakkersfeint te Wommels; komt Alde Maaie 1866 út Easterwierrum yn Bitgum; de húshâlding wennet in hoart yn by Froukje har heit en mem op Sjoelema state; yn 1866 skipper te Menaam ûnder Bitgum, dêrnei bierhûshâlders te St.-Jabik oan it Súdeand (no nr 4) yn de Brouwerij (neffens oerlevering neame se har herberch nei Froukje har fan.); sn fan Ype Ypes de Vries, foar syn trouwen bakkersfeint te Reduzum, dêrnei bakker te Wommels, en fan Ymkje Annes Roorda

Portret Froukje Reimers Brouwer
Æsge Ypes de Vries en Froukje Reimers Brouwer. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Kolleksje Brouwer-Bitgum – Erfgoed Fundaasje
De Brouwerij te St.-Jabik
De Brouwerij oan it Súdeand te St.-Jabik. Hjir binne Froukje Reimers Brouwer en Æsge Ypes de Vries kastlein. Se soenen de herberch nei Frouky har achternamme neamd hawwe. Foto Bildts Aigene
Froukje Reimers Brouwer grêfstien
Froukje Reimers Brouwer en Æsge Ypes de Vries ha in identike grêfstien hân op it hôf te St.-Jabik. Soan en skoandochter Ype Æsges de Vries en Aaltje Rientses Tuinhof binne dêr allyksa beïerdige

Grêfopskriften wienen:
RUSTPLAATS/van/Froukje Reimers/Brouwer/ Geb. 20 Maart 1844/te Menaldum/ Overl. 14 Sept. 1928/te St. Jac. Parochie/ Echtgenoote van/ Æsge Ypes de Vries/
en van/ Aaltje R. Tuinhof/Geb. 5 Sept 1865/Ooverl. 7 Dec. 1937

RUSTPLAATS/van/Æsge Ypes de Vries/Geb. 7 Febr. 1843/te Wommels/Overl. 14 Febr. 1929’te St. Jac. Parochie/Weduwnaar van /Froukje R. Brouwer/
en van/Ype Æsges de Vries/Geb. 7 Dec. 1864/Overl. 31 Oct. 1939

Rouadvertinsje AEsge Ypes de Vries 1929
Ljouwerter Krante, 15 en 19-2-1929

§ FAMYLJESIIK
Brechtsje Reimers Brouwer (XIII.1.3) is famyljesiik: se hat niget net allinne oan neiste migen, mar ek oan in brede rûnte fan achter-achternichten en -neven. Har eachweid is breed oan sibben. Se is ûnderhâldend mei achterneef Jan Jogchems Kortje, dy’t foar de Communistische Partij Nederland yn ’e Steaten in sit hawwe soe en graach by har útfanhuzet.
En allyksa mei har chique famylje De Haan, bern fan muoike Maria Cornelia van der Velde, ûnder oaren mei Gerrit en Geesje, learares Frânsk te Harns.
Sjoch: H.J.M. Wijers, Kwartierstaat Maria Cornelia Philippina de Haan – nr 4/5 – 1 en 9.

Brechtsje skriuwt gâns brieven, hjirûnder in eksimpel oan har nicht Jitske Andringa bakkerinne te Hallum. De Klaas en Tjjitske dêryn neamd, binne Klaas Tjeerds Andringa en Tjitske Pieters Peterson. Klaas wie út de grifformearde tsjerke te Holwert skorst en wurdt dêrnei Frijmakke grifformeard.
Sjoch: Genealogy Andringa – Jitske Tjeerds Andringa VII.3.2 – Klaas Tjeerds Andringa VIII.5.
De brief wurdt bewarre yn it Andringa-argyf dat berêst by Tsjikke Andringa. In soad brieven fan Brechtsje binne fersille by har neiteam en oaren. Erfgoed Fundaasje docht der alles oan om dy histoarysk wichtige en tagelyk kostlike argyfstikken byinoar te swyljen, te argivearen en foar de takomst feilich te stellen, bygelyks yn de Argiven Brouwer en Andringa; sjoch: Oer ús – Wurkwize.

Boarne: Andringa-argyf, berêstend by Tsjikke Andringa


Brechtsje  stjoert har berntsjes yn dat respektabele famyljesike sibbekader om klompen nei in âldmuoike, 20 kilometer fierderop. 

Ald-omkesizzer Sybe Harmens Andringa skriuwt oer dy muoike en omke Froukje Reimers Brouwer en Æsge Ypes de Vries: Yn St.-Jabik hienen dizze âldsjes in winkel mei klompen en mear spul. Soms stjoerde ús mem ús as bern dêrhinne om klompen. Fan Dyksterhuzen-Bitgummole nei St.-Jabik wie in heel ein. Mar wy gongen yn dy tiid mei de tram, dat wie geskikt.

7 Klaas Reimers Brouwer * Sjoelema state te Menaam ûnder Bitgum 15 jan. 1846 † dêr 13 maart 1869, 23 jier, hûsnr 167 [] Bitgum r. 16, gr. 5; by ferstjerren sûnder berop

Klaas Reimers Brouwer - tabaksdoaze
Fan Klaas Reimers is in sulveren tabaksdoaze bewarre bleaun, ynskripsje: K.R.B./1861. Foto: Freek Zwart
image-1

§ IN KOMMEN EN GEAN OP ’E ROMTE
Hjirûnder in oersjoch fan de húshâlding fan Reimer Gerbens Brouwer en Jantsy Rinses Haadsma op Sjoelema state fan 1-12-1861 oant 1869, mei ynwenjende omke- en muoikesizzers en feinten en fammen. In kommen en gean dêr op ’e romte yn ’e buorskip Koutum oan ’e Sânwei tusken Bitgum en Menaam, benoarden de Hege Wier, fuortby it gehucht Paulus Tille.
Neist de eigen bern wenje by Roimer en Jantsy yn:
8 Botje Franzes Haadsma, omke- en muoikesizzer; giet Alde Maaie 1862 nei Menaam
9 Jorke Sybes Buwalda, feint; Alde Maaie 1862 nei Menaam
10 Marten Dirks de Boer, feint; giet Alde Maaie 1862 nei Menaam
11 Bauke Gerbens Heslinga, feint; giet 5-5-1863 nei Menaam
12 Jan Sybes Buwalda, feint; 14-5-1865 nei St.-Anne
13 Willemke Pieters Swart, faam; giet 12-11-1863 nei Arum
14 Pieter Bloembergen, feint; giet Alde Maaie 1866 nei Menaam
15 Andries Pieters de Jager, feint; Alde Maaie 1864 nei Menaam
16 Jan Westra, feint; Alde Maaie 1865 nei Menaam
17 Meindert Andries Groeneveld, feint; giet Alde Maie 1865 nei Bitgum
18 Trijntje Jans van der Meel, faam; Alde Maaie 1866 nei Bitgum
19 Æsges Ypes de Vries, skoansoan
20 Froukje Reimers Brouwer, dochter
21 Ype Æsges de Vries, bernsbern
22 Reimer Æsges de Vries, bernsbern
23 Lourens Tækes Postma, feint; giet Alde Maaie 1867 nei Bitgum
24 Kornelis Martens Kuperus, feint ; giet Alde Maaie 1867 nei Bitgum


GENERAASJE XII
XII.1 Gerben Reimers Brouwer * Sjoelema state te Menaam ûnder Bitgum 10 nov. 1829, 11 oere † Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 1 july 1914 [] Bitgum r. 16, gr. 5.; gernier/boer op Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum; sûnt 1881 lid Kolleezje fan Notabelen Herf. Tsjerke te Bitgum (kolleezje fan tafersjoch op de tsjerkfâden); skriuwer/skathâlder ‘Ziekenfonds voor minvermogenden’; kommisaris Spaarbank Bitgum;
x Menameradiel 11 maaie 1853 (op houlikse betingsten) Brechtje Folkerts Damsma * Zomerzorg op Dyksterhuzen ûnder Bitgum 7-1-1831 † Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 14-3-1921 [] Bitgum r. 16, gr. 6, earder grêfskrift:

RUSTPLAATS/ONZER GELIEFDE/MOEDER, GROOT- EN OVERGROOTMOEDER/BRECHTJE FOLKERTS DAMSMA,/WED. GERBEN REIMERS/BROUWER,/OVERLEDEN TE MENALDUM/DEN 14 MAART 1921/IN DEN OUDERDOM VAN/90 JAREN/
Brechtsje docht belidenis te Bitgum op 27 maart 1850; lid bestjoer ‘Dames Commissie Nuttige Handwerken’; dr f. Folkert Hendriks Damsma, boer en keapman op Dyksterhuzen op Zomerzorg (B17), gemeenteriedslid fan Menameradiel (1856-1877), boekhâlder en kommittearde wetterskip Het Beetgumer en Engelumer Nieuwland, tsjerkfâd Herf. Tsjerke Bitgum, en fan Maartje Dirks Koopmans, eigenerfd boerinne op Zomerzorg op Dyksterhuzen.
Sjoch:

Stambeamke Damsma – Generaasje IV.1
Frysk Kertiersteateboek – Brouwer-Damsma –

Gerben Reimers Brouwer
Portret Brechtje Folkerts Damsma
Brechtje Folkerts Damsma

Bern:
1 Maartje Gerbens Brouwer * Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 6-9-1854 † Grut Alsert 28-1-1898, 43 jier, [] Bitgum, rigel 12, grêf 17;
x 1 Menameradiel 9-6-1874, 20 en 25 jier, Foppe Thomas Dijkstra * Bitgummole 30-6-1849 † dêr op Grut Alsert, de Pôle, 12-6-1918, 67 jier, [] Bitgum rigel 12, grêf 17, boer op Grut Alsert; tsjerk- en earmfâd te Bitgum; rintmaster fam. Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg; bestjoerslid O.K.K. 1917-’18; sn fan Thomas Foppes Dijkstra, gernier/boer op Grut Alsert, lid Zetterscollege (=belesting-advyskommisje); kommittearde en bestjoerslid wetterskippen De Beetgumer Nieuwlands Polder en De Engelumer Polder, en Jantje Ritskes Fierstra;
Foppe x 2 Menameradiel 10-1-1901 Antje Pieters Visser * Penjum 21-2-1846 † Bitgummole 10-11-1934 [] Bitgum; dr f. Pieter Ales Visser, kwekeling te Tsjom, ûnderwizer en ûndermaster te Penjum, en Elisabeth Tozijns Bokma;
Antsje x 1 Rinse Andries Miedema * Minnertsgea 10-9-1838 † Bitgummole 30-11-1888 [] Bitgum, bakker dêr; sn f. Andries Anes Miedema, bakker te Minnertsgea, en Lutgertje Arends Witholt
Sjoch: Jan Dijkstra, Familiepraat, Genealogy Dykstra – Erfgoed Fundaasje, Kertiersteat Anneke Bouma – nr 27 – Genealogy Fierstra – IV.1.1
Sjoch: Genealogy Dijkstra (Bitgum)

Portret Maartje Gerbens Brouwer
Maartje Gerbens Brouwer
Maartje Gerbens Brouwer ruadv
Ljouwerter Krante, 31-1 en 2 en 4-2-1898

2 Reimer Gerbens Brouwer, folget XIII.1
3 Jantje Gerbens Brouwer * Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 1-5-1860 † Ljouwert 16-10-1930, 69 jier; hotel-kafee-restauranthâldster oan ’e Langemerstrjitte te Ljouwert
x Menameradiel 18-5-1882, 22 en 23 jier, Abe Martens Siderius * Froubuorren 19-12-1858 † Snits 9-2-1913, 74 jier, [] Ljouwert; yn 1882, ’83 sûnder berop te Froubuorren; yn 1885, ’86 dêr pikeur; yn 1888 idem te St.-Anne; sûnt te Ljouwert; kastlein, kofjehûs- en loazjeminthâlder, hotel-kafee-restauranthâlder oan ’e Langemerstrjitte te Ljouwert (oare adressen: Spoarstrjitte 24, Ljouwert; Koarte Feemerkstrjitte 10, Snits); sn fan Marten Everts Siderius, bouboer te Froubuorren, en Grietje Abes van der Vlag
Sjoch: GENEALOGY ABE MARTENS SIDERIUS
Sjoch: Johannes Woudstra, Siderius, de Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum, 2002) – XIII.268, side 175 + idem, Schema Siderius-Brouwer-Koopmans/Koopal-Heslinga, siden 176 en 177

Portert Jantje Gerbens Brouwer
Jantje Gerbens Brouwer

Jantsje kin wol frijers krije. As Jantsje op in jûn let fan dûnsjen thús komt, en ferskynt foar de bedstee fan har heit en mem, seit se: Fan ’e jûn ha ik mei myn man dûnse. Dat is Abe Siderius. (HJdJ)

4 Folkje Gerbens Brouwer
* Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 22-7-1864 † Bitgum 27-1-1939, 74 jier, [] Bitgum rigel 20, grêf 10; bouboerinne te Bitgum; lid Dames Commissie Nuttige Handwerken;
x Menameradiel 25-10-1888, 24 en 27 jier, Jitze Harkes de Jong * Berltsum 26-10-1860 † Bitgum 17-1-1951, 90 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 10; bouboer en fuorman by It Tiltsje te Bitgum; 1907 lid tariedingskommisje wetterskip De Trije Doarpen, sûnt de oprjochting yn 1911 dêrfan bestjoerslid; sn fan Harke Jitzes de Jong, kastlein te Berltsum, kastlein yn By de Greate Pomp te Bitgum, rydtúchhâlder, hat sûnt 1881 feartsjinst op Ljouwert, en Hylkje Sybolts Feenstra
Sjoch: GENEALOGY DE JONG (BITGUM)

Folkje Gerbens Brouwer
Rouadvertinsje Gerben Reimers Brouwer LC 1914
Leeuwarder Courant 6 july 1914

§ TERPBAAS
Germ Roimers Brouwer keapet yn 1886 de helt fan ’e terp Bessum (4.80.30 ha.), en lit dy as terpbaas ôfgrave fan 1 maart 1887 oant 1890. De ôfgroeven hoeke – de Sâne – is no beskerme as geologys monumint.
Ut Gerben syn helte wurdt 65.000 ton terpmodder ferfierd troch 140 skippen yn 2.120 frachten. It graven is hânwurk: mei pipegalen wurdt de modder yn ’e skippen riden. De 37 arbeiders dy’t deroan arbeidzje fertsjinje trochinoar 7 à 8 sinten yn ’ e oere.
De oare helte wurdt kocht en ôfgroeven troch Johannes Andries Tiemersma, bûter- en tsiiskeapman te Deinum en as er it terpeperseelkeapet sûnder berop te Ie, sjoch foar personalia § Kristlik nasjonaal ûnderwiis 

Gâns terpfynsten binne dêrby bewarre bleaun en oerbrocht nei it Frysk Museum  te Ljouwert: bonken, potten, diggels, Romeinske munten, kralen, fibulae (doek- en mantelspjelden).
De Brouwers ha each foar dy fynsten. Hoewol’t se rimpen binne, – de skippers sille poat oan en allyksa de arbeiders – wurdt tiid ynromme om de âldheden te bergjen. Sa komt der in string kralen bleat dêr’t it binend toulear fan fermôge is. Gau wurdt de faam roppen om nulle en tried, de kralen wurde hastich oanien rige en mei it oare opgroeven guod nei hûs ta avenseard.

Hludana
Under de letterlik en figuerlik grutte fynsten is de Romeinse geloftestien wijd oan de goadinne fan de fiskerij Hludana, fûn op 15 augustus 1888. It Frysk Museum registrearde yn dy tiid 1.076 fynsten út de Bessumer terp.

De geloftestien oan Hludana is fan kalkstien, 56 sm heech, 59,5 sm breed en 21 sm dik. De boppeste helte mist derôf. Dêr hat nei alle gedachten in byld fan ’e goadin op sitten.
De ynskripsje is:DEAE HLUDANAE/CONDUCTORES/PISCATUS MANCIPE/Q. VALERIO SECU/NDO VSLM
De Latynse tekst is folút: Deae Hludanae conductores piscatus mancipe Quinto Valerio Secundo Votum Solverunt Libentes Merito.

Oerset: Oan de goadinne Hludana hawwe de pachters fan de fiskerij ûnder manseps [opsichter, ynspekteur] Quintus Valerius Secundus [de twadde] har gelofte graach en nei fertsjinste betelle.
Hludana, ek wol Luciana neamd, is in Germaanse goadin dy’t benammen oan ’e Ryn fereare waard. Dizze alterstien is de iennichste stien mei in Romeinse ynskripsje benoarden de haadearm fan ’e Ryn, hy stammet moogik fan omstrings it jier 275. Bitgum is yn dy tiid in fiskers- en havenplak oan ’e Middelsee en mooglik wurdt de fisk ferkocht oan Romeinse garnizoenen. Oer dy fiskerij hienen opsichters as Quintus Valerius miskien it tafersjoch. Sa soe dizze tankstien op Bessum telâne kommen kinnen wêze. In oare teory is dat de stien as in oantinken meinommen is troch Fryske soldaten dy’t yn it Romeinse leger tsjinnen, of troch keaplju. Of noch oars, miskien fereare it folk hjir Hludana al, of woenen se har ferearje en koenen se sels sokke moaie alterstiennen net meitsje. Misjonarissen kinne letter de kop derôf slein ha.
Sjoch:
-T. Kingma, De skienis fan Bitgum en Bitgummole -|-
Hludana-stien –

Germ Roimers hâlde fan 1887 oant 1891 in kasboek fan it ôfgraven fan ’e terp by – it saneamde ‘Terpboek’. Dêr tekene er yn op de nammen fan ’e skippers, de data en it tal tonnen dat se ferfierden. Dat boek is skonken oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Brouwer-Bitgum.

Brouwer terpboek skippers
In part fan in side út it Terpboek mei nammen fan skippers en it tal tonnen terpgrûn dat se ferfiere
Brouwer terpboek útjeften
In side út it Terpboek mei in oersicht fan utjeften yn 1887
Brouwer Terpbriefke
Terpbriefke dêr’t op ynfuld wurdt de namme fan ’e skipper, it tal tonnen terpmodder, it oantal sinten en de datum

§ BESKERMHEAR O.K.K.
Gerben Reimers Brouwer is de earste beskermhear fan ’e Bitgumer keatsferiening O.K.K. (Oefening Kweekt Kunst), fan 1895 oant syn ferstjerren. Tusken Gripe en Telegraaf (útjûn by hûndert jier O.K.K.) meldt (s. 23) dat er neffens de jierferslaggen fan O.K.K. geregeldwei fanwegen komt mei it beskikber stellen fan medaljes by it merkekeatsen: ‘sa joech er yn 1905 ien foar de fierste boppeslach; yn 1906 ien foar de measte boppeslaggen; yn 1907 ien foar de measte boppeslaggen yn ien partij; yn 1908 in sulveren medalje foar de fierste boppeslach; yn 1909 foar de lêst winnende slach fan ’e partij. It kaliber fan syn edelmetaal wurdt meast net neamd’. It is goud, dêrom.

Hjirûnder it karbrief fan O.K.K. út wierskynlik 1940. Twa pakesizzers en namgenoaten fan Gerben Reimers I binne bestjoerslid:
Gerben Jitzes de Jong is foarsitter fan 1918-1944 en Gerben Foppes Dijkstra is skathâlder 1936-’52.
De oare bestjoersleden binne:
-Jan Lieuwes Sijtsma * Bitgum 26-12-1885 † Ljouwert 12-8-1968 [] Bitgum; arbeider te Bitgum (doarpsgebiet Menaam en St.-Anne); bestjoerslid 1924-1941 (1927- ’41 skriuwer), 1945-1956 wer bestjoerslid (fan maaie 1953-april 1954 waarnimmend foarsitter); makket keatsfersen en -toniel, ûnder oaren op ’e Nije Gripe; sn fan Lieuwe Jobs Sijtsma, arbeider te Bitgum, en Uilkje Pieters Brouwers;
x 1 Menameradiel 28-5-1908, Aukje Jacobs Klaver * Berltsum 22-2-1885 † St.-Anne 6-12-1909, 24 jier, [] Bitgum;
x 2 Menameradiel 23-5-1912 Aaltje Jelles de Vries * Bitgum 6-2-1890 † dêr 5-3-1955 [] Bitgum
-Tjiepke Jans Bouma (Tsjip) * Frjentsjer 19-9-1863 † Dyksterhuzen ûnder Bitgummole 23-8-1947 [] Ingelum; arbeider en gernier op Dyksterhuzen; bestjoerslid O.K.K. 1922-’35 (skathâlder 1932-’35) en wer bestjoerslid 1937-’42; sn fan Jan Tjiepkes Bouma (tekenet syn trou-akte mei Bouwma), arbeider te Ingelum, Frjentsjer en Bitgum, en Aafke Romkes Bontekoe, faam te Ingelum, arbeidster te Bitgum;
x Menameradiel 25-5-1896 Tietje Martens Bokma * Froubuorren 8-4-1870 † 1-8-1953 [] Ingelum
-Jan Groen * St.-Jabik 20-11-1895; by syn trouwen arbeider te Boer, dêrnei by de De Jongs te Bitgum; sekretaris O.K.K. 1942-’44; sn fan Pieter Jans Groen, arbeider te St.-Jabik en te Boer, en Jeltje Jans Vrieswijk;
x Menameradiel 7-10-1920 Rinske Durks Limburg * Berltsum 4-11-1896
Sjoch: Tusken Gripe en Telegraaf – Haadstik 1, 5 en 16 –

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

§ SKINKERS NIJE GRIPE
Brechtsje, dy’t in beppesizzer is fan ’e skinker fan de ‘Ouwe Gryp’, en Germ skinken by gelegenheid fan har 60-jierrige troudei yn 1913 de ‘Nije Gripe’ oan O.K.K., mei de betingst dat dy priis net út Bitgum wei mei.

Gerben Reimers Brouwer en Brechtje Folkerts Damsma, 60 jier troud
Gerben Reimers Brouwer en Brechtje Folkerts Damsma, portretteard op har diamanten dei. Brechtsy leit de hân op har mannes leafelike âlde fûst, dat lieten oare Brouwers op portret beslist net gewurde
Nije Gripe-liet
Liet makke ta eare fan de skinking fan de Nije Gripe. D.H.Z. stiet foar Doeke Hendriks Zijlstra, redakteur fan Sljucht en Rjucht, de foarrinner fan Frysk en Frij, dêr’t Gerben Reimers Brouwer in abonnemint op hat. Germ is op ’e âlde dei danich doof – in Brouwersmankemint – mar hy kin mei syn hoarntsje oan it ear de tasjongers krekt hearre
Nije Gripe
De Nije Gripe yn syn stolp. Foto: Het Hoge Noorden/Jaap Schaaf. Kolleksje Erfgoed Fundaasje
brouwer-nije-gripe-2
brouwer-nije-gripe-1

Sjoch:
Tusken Gripe  & Telegraaf – histoaryske kronyk oer it keatsen yn Bitgum en Bitgummole fan 1895-1995 – Goasse Brouwer: Yn ’e greep fan ’e Gripe, OKK Bitgum, Koperative Utjowerij, 1995 –
O.K.K. Gripe historie –
Nei Gerben syn ferstjerren is Brechtsje fansels net allinne yn Bitgum, se slút har net ôf foar de mienskip dy’t yn har keamer komt. Mar dochter Jantsje, horekaûndernimmer te Ljouwert, wol ha dat se in geselskipdame krijt. Sysels is no fan in oar miljeu en har mem dus no ek. Har delikate status plakt se leafdefol op har mem. De geselskipsdame wurdt Dina, út Ljouwert. It foldocht, fan beide kanten. As beppesizzer Hylke, jongfintstje noch, op in lette moarn by beppe oanswaait, ropt er ‘Beppe, wêr is Dina?’ ‘Hylke, se leit yn ’e boppekeamer jonge, ik ha har twa aaien op brea en in beker waarme sûkelademolke brocht.’ ‘Mar dat moat Dina beppe bringe, dat docht beppe no altyd, dat krije wy net iens.’
‘Och leave jonge, hjir is ’t.’
De oare deis seit beppe tsjin Hylke: ‘Sjoch wat muoike Jantsje, ús brocht hat, twa hearlik brette hofdokes, sjoch dat hie se ferstoppe yn dizze wekflesse apelsmot. Ik seach it earst net, en se sei der neat fan. Dy dogeniet. Ik ha se foar ús opwaarme mieltsje der even tuskentoch. ’t Falt sa mar fan ’e bonkjes ôf, en wat hat se it krûdich makke, in delikatesse sizze te Ljouwert, dat is ús Jantsy. Lekker hè’n Hylke jonge.’

§ WOL EN NET TSJERKS
Gerben Reimers Brouwer II is net tsjerks. Hy wol dan ek net tsjerkfâd wurde; notabel is er wol, as bestuiverder. Hy komt allinne op Aldjiersjûn yn. Op Nijjiersmoarn wurdt dan steefêst ôfkundige dat yn ’e pong ‘eene vorstelijke vondst’ fûn is.
Brechtsy giet wol alle sneinen op nei Sion. Germ plichtet mei dy tsjerkegong har bibelboek te dragen, oan de tsjerketreppen ta. Dan giet er werom. Ien freget him: Wêrom komme jo net yn tsjerke Brouwer? Hy seit: Ik bin drager fan it Wurd, gjin taharker. (Fergelykje Jakobus 1:22 – Mar wês dieders fan it wurd, en net allinne hearders, jimme sels bedragend; en it ‘frijsinnich’ gesang 225: O Heiland, trouwe Heer, moog’ onze tong U prijzen, doch zij ook door de daad U lof en eer gebracht! Als uit het dorre hart geen liefdedaden rijzen, dan zijn de lied’ren dood, de zangen zonder kracht.)
Germ Roimers is in dogger en op ’e âlde dei dêroerhinne danich doof, dan is harkjen al te mear in behyplike bysaak. Dôvens is in Brouwerskwaal, dy’t him opmerklik genôch manifesteart yn sawat alle stagen, benammen by de manlike leaten. Ta syn geriif bringt Germ in foarse hoarn mei tuut foar syn lofter ear.

Oan ’e ein fan Brechtsy Damsma har libben is der in folkstelling. Dêrby wurdt ek registreard by watfoar tsjerke de minsken ta behearre. Brechtsje moat doe sein ha: Skriuw mar op dat ik by de tsjerke fan ús Roimer hear. Roimer is dan ûnderwilens allang mei syn húshâlding bekeard ta de grifformearde lear. (DGB)

§ BERNSBERN OER GERM EN BRECHTSY
Sneon 7 febrewaris 1970 wurdt in Brouwersjoun hâlden. Nei it ferstjerren fan Brechtsje Reimers Brouwer wurdt op har begraffenis ‘troch de familje it idee opfiere om nai een jier fon dizze ferstöne bijgelieks bij mekoar te kommen, wol te fersteen rjuchtstreakse nazaten fon Olde Gerben Brouwer en Brechtsje Damsma en fonzels de oantrouwden en bern’ skriuwt Brechtsje har soan Sybe Andringa. Fan dy jûn makket er in wiidweidige beskriuwing, dy wurdt op dizze webside letter tagonklik makke. Reimer van Tuinen redigeart Andringa syn ympresje ta in publikaasje. Hjirûnder in greep út oantinkens fan fjouwer pake en beppesizzers. Sjoch foar d folsleine tekst: Forslach fan de Brouwersjoun hâlden de sneons 7 febrewaris 1970 to Bitgum yn ‘By de Greate Pomp’.
De stambeammen achteryn dat boekje binne hjir net opnommen omdat dy har beheine ta nammen en data en boppedat – hoe brûkber ek foar it globale oersicht – fol flaters sitte. Dat keal sibbekundich ramt wurdt troch Erfgoed Fundaasje op dizze webside mear oanklaaid pleatst, mar dat is noch wurk yn útfiering en hinget foar de lêste generaasjes ôf fan ’e gearwurking fan de oanbelangjenden.

Druk op de pylkes oan ‘e sydkanten.

Forslach fan de Brouwersjoun hâlden de sneons 7 febrewaris 1970 to Bitgum yn ‘By de Greate Pomp’

Sybe Harmens Andringa
soan fan Brechtsy Reimers Brouwer (VIII.1.3)

Portret Sybe Harmens Andringa en Richtje Synes Nauta
Sybe Harmens Andringa en Richtje Synes Nauta

Myn fierste oantinken giet tebek oant doe’t ik sa’n trije jier âld wie, en heit my ris meinaam nei de âld pleats fan pake Reimer en beppe Nynke. Dêr wie oerpake Germ doe ek yn ’t bûthús. Heit woe ha ik soe pake dachsizze, mar doe’t dy, omdat er doof wie, in koperen hoarn foar ’t ear hâlde, woe ik út noch yn net yn dy sleef roppe. Heit hat my doe opkrigen en boppe de sleef hâlden, mar ik die oars net as roppe: Bang, bang.

Ik haw by myn witten in jier of wat letter nochris yn sa’n posysje ferkeard, doe’t jonge hynstefeinten my optilden en ûnder de hynstesturt treauwen. Ik haw doe wer roppen fan: Bang, bang.

Om in yndruk fan pake Germ te jaan, it folgjende: op 22 febrewaris 1907 stie yn it Friesch Dagblad ‘tijdens een hevig onweder met storm en hagel vergezeld, is de boerderij van S.H. Andringa op Koehool onder Oosterbierum door de bliksem getroffen en afgebrand’. Dyselde maityd soenen Harm en Brechtsje trouwe en har nei wenjen sette op ’e pleats te Dyksterhuzen. Der kaam in briefkaart by Reimer Brouwer mei it ferslach fan de brân, en as slot: En nu zijn al mijn pooters ook nog verbrand’. Doe’t pake Germ dat hearde, sei dy: Dy poaters hoecht dy jonge – Harm dus – net oer yn te sitten, dy krijt er fan my. En no kinne jim dy brân en folle mear wol ferjitte. Dy reaksje tekene pake Germ ta de fuotten út. En doe wist Harm meiiens dat er aksepteard waard yn de famylje.

Fan beppe Brechtsje heucht my noch dat se gauris it ferhaal die fan Salomo’s rjochtspraak en de klok. Hoe’t de boal mei it swurd tusken de bernebiltsjes, wachte op de fatale klokslach, wylst de iene mem har gjin ries wist fan fertriet en it de oare sa wol nei ’t sin gong. In skoalmaster kin it noait moaier fertelle as beppe doe die. Jo seagen it op beppe har klok oankommen.

Djippe yndruk hat beppe har libbensein op myn jonge jierren makke. Har útspraak: Ik heb mijn Heiland gevonden, krige foar my in nije betsjutting op ’e begraffenis, doe’t dûmeny Van der Ven [Antoine Louis Theodore, Ned.Herf. foargonger te Bitgum fan 1919 oant 1927] – fan de ‘grutte tsjerke’ – it folk yn ’e hûs taspriek, steande yn ’e iepen doar, mei as tekst Matth. 25:34-40:
Dan sil de kening tsjin wa’t oan syn rjochterhân binne, sizze: Kom, dy’t seinge binne fan myn Heit, ervje no it keninkryk, dat jimme taret is fan de grûnlizzinge fan de wrâld ôf.

Want ik hie honger en jimme hawwe my te iten jûn; ik hie toarst en jimme hawwe my drinke litten; ik wie in frjemdling en jimme hawwe my in hinnekommen jûn; ik wie neaken en jimme hawwe my klaaid; ik wie siik en jimme hawwe my opsocht; ik siet yn ’e finzenis en jimme binne ta my kommen.
Dan sille de rjochtfeardigen him antwurdzje, sizzende: Heare, hoenear hawwe wy jo hongerich sjoen en joegen jo iten, of toarstich, en lieten jo drinke?
En hoenear hawwe wy jo as frjemdling sjoen en in hinnekommen jûn? of neaken, en klaaiden jo?
En hoenear hawwe wy jo siik sjoen of yn ’e finzenis, en binne ta jo kommen?
En de kening sil harren antwurdzje en sizze: Wiswier sis ik jimme, foarsafier jimme dat dien hawwe oan ien fan myn minste bruorren hjirre, hawwe jimme it oan my dien.
Dat naam my as jonge alheel yn beslach, en sa’t ik Bitgum doe seach, haw ik it noait wer sjoen.

Gerben Jitzes de Jong
soan fan Folky Gerbens Brouwer (XII.1.4)

Portret Gerben Jitzes de Jong en Hermina Dijkstra
Gerben Jitzes de Jong en Hermina Dijkstra

Myn broers Harke, Hylke, Bettus en ik brochten steefêst ienkear yn ’e moanne wat jild nei de Spaarbank. Mar earst gongen wy dan even by pake en beppe oan. Beppe hie dan fuortendaliks wol troch wêr’t it ús om te rêden wie, mar pake wie sa fluch net fan begryp, teminsten… Gauris spile him dan it folgjende tonieltsje of.
Beppe: Germ, de bern moatte nei de spaarbank.
Pake, mei it hoarntsje nei beppe keard: Wat wolle dy jonges Brechtsje?

Beppe rôp dan sa lûd as se koe: Dy jonges moatte nei de Spáárbank.
As pake it dan lang om let trochkrige, gong er oerein, helle de ponge út it kammenet en joech ús in kleinichheid.

Pake wie wend om syn pakesizzers, as se tolve jier waarden, in horloazje te jaan. Mar doe’t ik hast tsien wie, waard pake âlder en ek minder. Hoe soe dit komme? Gelokkich, pake naam it wisse foar it ûnwisse, en skonk my, doe’t ik tsien waard, it felbegeearde horloazje.

As pake de dyk útgong, rûn er meastentiids op ’e trambaan, fan ’e iene byls op ’e oare stappend. Omdat er noait in tram oankommen hearre koe, hie er him de tramtiden goed yn ’e holle set. Dochs gebeurde it in kear, doe’t er yn alle gemoedsrêst fan Berltsum nei Bitgum ûnderweis wie, dat in poerswarte masinist him op ’t skouder kloppe en rôp: Ho ris even âlde, dit komt sa net goed, wol? Pake seach achterom en dêr stie de goederentram. Dy wie him ûntkommen, omdat dy op ongeregelde tiden ried. Ja, dat gong destiids gemoedlik om en ta, frâl mei de tram. Foar in sigaar stoppen se rûnom.

Noch in lyts ferhaaltsje. As de dames, te witten Ma en Hinke [Maartsje Foppes Dykstra en Hinke Reimers Brouwer] by pake en beppe wienen, dan woenen se graach preamkefarre. Ik moast dan stikem it preamke losmeitsje, de dames stapten yn en dêr fearen wy hinne yn ’e Bessebuorster feart en fierder. Je sjogge it foar jo! Mar as pake dat yn ’e smizen krige, stie it der net sa bêst foar my mei.

Janke Foppes Dykstra
dochter fan Maartsy Gerbens Brouwer (XII.1.1)

Portret Janke Foppes Dijkstra
Janke Foppes Dijkstra, troud mei Pieter Pylgers Miedema 

In prachtige tiid wie dy foar my om Krysttiid hinne, as wy alheel fan Bitgummole nei Bitgum tagongen te útfanhúzjen by beppe. Mei beppe nei it Krystfeest en 31 desimber it âld jier útsitte. Ek dienen wy in soad spultsjes, ‘kine’, begelyks. Nijjiersmoarn bleaf beppe thús fan tsjerke om de nijjierroppers in sint te jaan. De kop mei sinten stie moarnsier al klear. Middeis kamen de lju út it earmhûs te nijjierroppen en dy krigen dan elkmis in gûne!

Ek heucht my noch de tramreis nei Sint Jabik fan beppe en my. Harke fan omke Jitze mocht doe ek mei, hy stapte der yn Berltsum wer út om’t it dêr merke wie. Op ’e weromreis kaam er wer by ús yn ’e tram, mei in pûde oaljekoeken en in feestlik sin.

Wy moasten ek wolris te boadskipjen foar beppe. Yn it iene winkeltsje krigen de bern neat, mar yn dat fan Heine Janke waard ús altyd wat yn ’e hannen stoppe. Foar griente koenen je te kust en te keur gean yn de âld moestún fan de Dykstra’s achter de toer.
Doe’t Piter en ik trouden en yn it Nijlân wennen, hawwe pake en beppe noch in kear by ús west.
Yn har jonge jierren hie beppe in skoft tahâlden op ’e pleats ‘Zomerzorg’ te Dyksterhuzen, deselde dy’t yn ’e oarloch del moast yn ferbân it fleanfjild.
As beppe oer har jeugd fertelde gong it gauris oer de Schwartzenbergs, ûnder oaren oer de jonker mei syn wite hoazzen, en oer it folgjende aardich foarfal. Muoike Jantsje en freule Jeanette sieten te knikkerjen, elk oan in kant fan ’e slotshage. Jantsje wûn en krige in gouden slotsje dat se optein mei nei hûs naam. Mar pake sei lilk: Wolst dat slotsje wol sa gau mooglik werombringe?

Ma Foppes Dykstra
jongste dochter fan Maartsy Gerbens Brouwer (XII.1.1)

Portret Maartje Foppes Dijkstra
Maartje Foppes Dijkstra

Pake en beppe wienen och sa hertlik – by Bitgumer beppe ite, dat wie in feest, je koenen mar útsykje. Beppe mocht graach fertelle oer it slot en ek oer de terp dy’t ôfgroeven waard, en dêr’t pake it tafersjoch op hâlde. In kear stjoerde er in arbeider nei beppe mei it boadskip gau gau mei nulle en tried te kommen. Wat woe ’t gefal? By it graven wie der in string kralen foar ’t ljocht kommen; de tried fan plantefezel wie fergongen, dat it string foel útinoar. En doe moast beppe de kralen wer riuwe. Se binne yn ’t Frysk Museum te plak kommen, en as ik letter mei beppe dêrhinne gong, foarmen dy kralen altyd in hichtepunt, al hoe’n yndruk dy oare opgroevene foarwerpen ek op my makken.

Fan pake syn libbensein haw ik noch in sterke yndruk. Ik kaam dêr doe tafallich, om ris by pake te sjen. Omke Reimer stie by ’t bedstee. Pake, de sliepmuts op, besocht om him oerein te lûken. ‘Reimer, Reimer,’ rôp er. ‘Ja heit, hjir bin ik.’ Omke Reimer hâlde pake syn hân beet, beppe stie der neist. En doe spriek dy âld man in gebed út dat klonk as in belidenis, oer it moaie libben dat er genoaten hie en oer it folle dêr’t er yn tekoart sketten wie. Ik wie och sa oandien. Dy mominten yn dat hûs hawwe in djippe yndruk op myn fierdere libben makke.

XII.2 RINSE REIMERS BROUWER EN SYN SOANNEN
XII.2 Rinse Reimers Brouwer
* Sjoelema state, Menaam ûnder Bitgum 21 juny 1838, 15 oere (by de berte ynskreaun as Rinze) † Menaam (Berltsumerdyk) 8 july 1924, 11.30 oere [] Menaam; boer fan omstrings 1866 oant 1869 te Froubuorren, sûnt – wierskynlik 1-12-1869, syn heit-en-mem gean dan fan dy pleats ôf – boer op Sjoelema state op Koutum te Menaam ûnder Bitgum oant 1877; dêrnei arbeider op Gralda state te Menaam (nr 66K), sûnt Alde Maaie 1880 gernier oan ’e Berltsumerdyk te Menaam;
x 1 It Bilt 10-5-1866 Jantje Feikes van Schepen * Froubuorren 28-9-1839 † Sjoelema state Menaam ûnder Bitgum 13 juny 1871; boerinne te Froubuorren en op Sjoelema; dr fan Feike Joukes van Schepen, boer te Froubuorren, dêr tsjerk- en earmfâd, (dyks)folmacht wetterskip Het Oud Bildt foar Froubuorren, en fan syn twadde frou Rinske Pieters Tuininga, alias Tuinenga, Van Tuinen, Van der Tuin;
Sjoch: Genealogy Van Tuinen –
x 2 Menameradiel 7-9-1882 Janke Michiels Grypma * Menaam 20-6-1850 † dêr 6-9-1930 [] Menaam; yn 1882 arbeidster te Menaam, letter gernierske, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Michiel Jacobs Grypma, gernier te Menaam, en fan Henderina Pieters van der Wal;
Janke x 1 Menameradiel 9-7-1874  Paulus Johannes Hoekstra * Froubuorren 10-4-1851 † Menaam 18-6-1877; arbeider te Menaam; sn fan Johannes Herkes Hoekstra, arbeider te Froubuorren, St.-Anne en Menaam, en fan Houkje Paulus Beimers.
Bern:
1 Reimer Rinses Brouwer, folget XIII.2

2 Feike Rinses Brouwer * Sjoelema state te Menaam ûnder Bitgum 14-5-1868 † dêr 15-5-1868, 1 dei, [] Menaam
3 Feike Rinses Brouwer * Sjoelema state te Menaam ûnder Bitgum 16-8-1869 † dêr 28-9-1869, 5 wiken, [] Menaam
4 Feike Rinses Brouwer, folget XIII.3

§ SJOELEMA YN ’E BRÂN
Rinse Roimers Buorket mei syn earste frou op Sjoelema. Ein sechstiger jierren hawwe se fjouwer ynwenjende feinten en in faam yn tsjinst.
Nei it ferstjerren fan syn earste frou yn 1871 sil Rinse wer trouwe mei in begoedige boerinne, de widdo fan in Haadsma-neef fan him te Menaam; grif is dy oantroude nicht Baukje Jacobs Tiedema, boerinne te Menaam, widdo sûnt 1873 fan Sybe Ages Haadsma.

Sjoch Genealogy Haadsma – V4

Rinse stiet mei har ûnder de geboadens. Op ’e troudei lit er har mei har gefolch stean op ’e trep fan it gemeentehûs te Menaam. (HJdJ)
Neffens oerlevering rekket Rinse – nei it ferstjerren yn koarte tiid fan twa fan syn jonkjes en fan syn earste frou – oan ’e drank. Op Paulus Tille is in tapperij mei it sicht op syn pleats en dêr bliuwt er sitten.
As op in simmermoarn om healwei tsienen, 27 juny 1877, syn pleats yn ’e brân stiet, sit er dêr ek. Hy rôpt: Sjoch! Dêr baarnt myn pleats! (PMD)
Sjoelema state baarnt alhelendal ôf. It Plysjerapport fan dy datum meldt (Gemeenteargyf Menameradiel, nr 215):

Dezen morgen te uur halftien trof de bliksum het huis en schuur onder behoor van Menaldum, bewoond door Rinze Reimers Brouwer in eigendom behoorende aan de familie van Limburg Stijrum.
Het pand is geheel uitgebrand boerengereedschapen huisgeraad zijn gered, terwijl geen levende have is omgekomen. Opmerking verdient dat van dezelfde schuur tijdens den storm van 30/31 Januari ll. Een gedeelte is omgewaaid, ’t geen tot nu toe niet was hersteld.
Mij is niet bekend of het gebouw tegen brandschade was verzekerd.
Ter voldoening aan bestaande voorschriften heb ik de eer UHEG van dit ongeval kennis te geven.
Den Heer Comm. Des Konings.

§ ÚT ’E NEDERKLITS
De twadde frou fan Rinse, Janke Michiels Grypma, helpt him wer by de wâl op. Syn broer Gerben lit foar him en syn frou in dûbel gerniershûs sette oan ’e Berltsumerdyk te Menaam, yn ’e oare helte wennet Janke har foardochter Maaike, troud mei Meine Douwes Donker. Rinse brûkt dan ek lân fan Gerben út Sjoelema state, de Brouwerspleats, oan ’e Sânwei by de Hege Wier. Neffens it testamint fan syn broer Germ mei Rinse syn styfsoan Meine Donker dat lân brûke oan syn dea ta. (PMD)

It lân by de huzen dy’t Gerben Reimers Brouwer op Gralda ûnder Menaam sette litten hat foar syn broer Rinse-en-dy, wurdt ferkocht, sjoch nûmer 3. Ljouwerter Krante, 6-12-1878

Rinse docht mei in maat ris in wedstriid wa’t de measte appels op kin. De kammeraat yt sa ûnfoech folle dat hy it deroan bestjert.
Op ’e âlde dei is Rinse in grutte bernefreon. Hy mei graach jachtferhalen oan har fertelle, jeie hat er sels yn syn jonge jierren in soad dien.
As jonkje is it foar Rinse in hichtepunt as de lânhearre delkomt, de ûntsachlike graaf Van Limburg Stirum himsels mei syn gefolch. As Rinse dat selskip dan yn ’e fierte oandraven sjocht, hat er der de slach fan om yn ien haal de balke foar de skuorredoarren wei te ramen en dy foarnaam iepen te fieren dat de graaf mei syn koets sa frijbaan ynfiert op ’e brede skuorrereed – syn jongesfertrouwen, dat oer alles hinnedraacht. De man is de ferhierder fan har knap stik lân en sjocht der as minister tagelyk op ta dat de grûnrjochten yn ’e Grûnwet grondich bysteld wurde, tinkt Rinse, neffens it statich idee fan ’e Brouwersbelangen. (PMD)
Dy graaf is Louis Gaspard Adrien van Limburg Stirum, yn ’e jierren dat de Brouwers mei him omgean is er kommandeur te Arnhem; de graaf hat gâns lânbesit yn Kollumerlân en omkriten. Reimer Gerbens I stiet op 19-12-1867 by him yn ’t kryt en Rinse Reimers hat 24-4-1868 in hypoteek by him rinnen. Gerben Reimers I hiert 9-2-1878 lân fan him foar fiif jier foar f 785,00 yn ’t jier. 


GENERAASJE XIII
XIII.1 Reimer Gerbens Brouwer * Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum 31-12-1856 † Bitgummole, J.H. van Aismawei 73, 28-11-1929, 72 jier, [] Bitgum r. 16, gr. 3; by trouwen sûnder berop op Bessebuorren te Bitgum, dêrnei dêr gernier en ierdappelkeapman (doarpskom Bitgum, no Buorren 10), sûnt Alde Maaie 1894 boer op Grut Fellingwurd op Fjouwerhûs te Menaam ûnder Bitgum (nr 379 bûten, 454, 314, 352), sûnt Alde Maaie 1913 op Nij Fellingwurd, syn nij-boude pleats dêrneist ((nr 317C, 357), Bitgumerdyk 23); lid Burgerlijk Armenbestuur fan Menameradiel foar Bitgum; skriuwer ‘Bewaarschoolvereniging Beetgum en omstreken’; tsjerkeriedslid Grifformearde tsjerke Bitgum;
x Menameradiel 15-5-1880, 23 en 24 jier, Trijntje Jacobs Gosliga (Nynke) * Bitgummole 18-3-1856 † dêr, J.H. van Aismawei 73, 16-8-1936, 79 jier, [] Bitgum r. 16, gr.4; by trouwen sûnder berop te Bitgummole; dr fan Jacob Klazes Gosliga, keapman, gernier, fuorman en rydtúchferhierder oan ’e Boarne te Bitgummole, lid Burgerlijk Armenbestuur fan Menameradiel, tsjerkfâd te Bitgum, en fan Dirkje Gerardus van der Velde, winkelfrou en tapperske oan ’e Boarne te Bitgummole
Sjoch:
Frysk Kertiersteateboek – Brouwer-Damsma – Fryske Akademy, Ljouwert 1996 ISBN 90-6171-813-9
Genealogy Gosliga – IV.1.2

Portret Reimer Gerbens Brouwer
Reimer Gerbens Brouwer. Fotograaf: F.O. Strüppert. Ljouwert
Portret Trijntje Jacobs Gosliga
Trijntje Jacobs Gosliga. Fotograaf: F.O. Strüppert. Ljouwert
Famyljefoto Reimer Gerbens Brouwer, Trijntje Gosliga en bern
Gerben Reimers Brouwer II, Trijntje Gosliga, Dirkje, Reimer Gerbens II en Brechtje. Hinke is noch net geboaren.
Fotograaf: C.B. Broersma, Willemskade 12, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje-Kolleksje Brouwer, Bitgum
Ter plekke even in justes oare gesinsopstelling: no Brechtsje links en Gerben rjochts; de âldste dochter Durkje bliuwt yn ’e midden
Dirkje, Gerben, Trijntje Jacobs Gosliag, Hendrikje, Reimer Gerbens Brouwer en Brectje. Fotograaf: J.H.Slaterus, LjouwertK
Dirkje, Gerben, Trijntje Jacobs Gosliga, Hendrikje, Reimer Gerbens Brouwer II en Brechtje. Fotograaf: I.H.Slaterus, Ljouwert
Brouwer fjouwergeslacht
It fjouwergeslacht Gerben Reimers I en II en Reimer Gerbens Brouwer II en III is ynliste by C.J. de Kruijs, v/h Ph. de Vogel, Spiegelfabriek en Kunsthandel, Wurdumerdyk, Ljouwert
 

Bern:
1 Gerben Reimers Brouwer
* Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 16-4-1881 † dêr 18-6-1881, 4.30 oere
2 Dirkje Reimers Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 12-8-1882 † Ljouwert 4-5-1962 [] Bitgum r. 16, gr. 5;
x Menameradiel 30-5-1912, 29 en 28 jier,
Pieter van Tuinen * Op ’e Harne te Ingelum 2-8-1883 † Dokkum 22-3-1961 [] Bitgum, r. 16, gr. 15; ûnderwizer te Seisbierrum, dêrnei te Bolswert; learaar en haad Kristlike Kweekskoalle te Dokkum; ynspekteur fan it Leger Underwiis yn Fryslân; tsjerkekeriedslid Grifformearde Tsjerke. Nei him is de P. van Tuinenskoalle, foar Leger Ekonomys en Administratyf Underwiis, oan ’e Humaldawei yn Dokkum neamd; sn f. Sybren Jacobs van Tuinen, gernier op ’e Harne te Ingelum, tsjerkeriedslid, en Jitske Johannes Ket
Tekst lizzende sark:
PX/PIETER VAN TUINEN/* TO INGELUM 2-8-1883/ TO DOKKUM 22-3-1961/MYN HELP EN MYN RÊDDER BINNE/JO; O MYN GOD! TOEVJE NET./PSALM 40:18/
DIRKJE BROUWER/* TO BITGUM 12-8-1882/ TO LJOUWERT 4-5-1962/EN DE FRIJKOCHTEN DES HEARE SILLE/WEROMKOMME EN OPTSJEN NEI SION MEI/JUBEL, EN IVIGE BLYDSKIPSIL OP HAR/HOLLE WÊZE; FREUGDE EN BLYDSKIP SILLE HJA DIELHAFTICH WURDE, MAR DE DRÔFENIS/EN IT SUCHTSJEN SILLE FUORTFLECHTSJE/JESAJA 35:10/
Sjoch:
Genealogy van Tuinen – V.2
Kertiersteat Piter van Tuinen – nrs 5 en 4
Stambeamke Van Tuinen

Portert Dirkje en Hedrikje Reimers Brouwer
Dirkje en Hendrikje Reimers Brouwer

3 Bregtje Reimers Brouwer (by de berte yn ’e Boargerlike Stân is it Bregtje, meast wurdt Brechtsje skreaun) * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 19-5-1884 † Bitgum 6-2-1969; bouboerinne op Lyts Aysma op Dyksterhûzen ûnder Bitgummole;
x 1 Menameradiel 11-4-1907, 22 en 28 jier, Harmen Sybes Andringa * Sate Koehoal ûnder Easterbierrum 11-9-1878 † Lyts Aysma, Dyksterhuzen 4-7-1915 [] Bitgum r. 17, gr. 17; bouboer op Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole, sn f. Sybe Harmens Andringa, bouboer op Koehoal, en Jantje Minzes van Marsum;
Sjoch foar neiteam: Herman Andringa, Tsjikke Andringa, Ype Brouwers, Piter Andringa, Andringa 3 – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, Andringa Stichting, 2016 ISBN 978 90 803 389-0-6 (YB 121, side 346)
x 2 Menameradiel 15-2-1919, 34 en 35 jier, Rients Joukes Wartena * Sate Ieburch ûnder Lekkum 31-5-1883 † Lyts Aysma op Dyksterhuzen 10-10-1961 [] Jelsum; greidboer op Andringa state te Marsum, sûnt syn twadde houlik bouboer op Lyts Aysma; sn fan Jouke Ruurds Wartena, greidboer op Sate Ieburch ûnder Lekkum, en Anskje Rientses Sybrandy, mei har twadde man Gerben Jacobs Brugsma bestiet hja buorkjend op Baansein te Ljouwert
Rients x 1 Sytske Ypes Kingma; dr fan Ype Jelles Kingma, greidboer te Huzum, en Aaltje Wepkes Botma
Sjoch foar neiteam: Genealogy Wartena – VII.2

Bregtje Brouwer berteadvertinsje
Geboarte-advertinsje fan Brechtsje Brouwer. Der is noch niks fan de Heare by: Reimer en Nynke binne noch net bekeard. Ljouwerter Krante, 23-5-1884

Oarspronklik grêfskrift lizzende sark:
DE DOOD IS VERSLONDEN TOT OVERWINNING/GRAFPLAATS,VAN/ONZEN GELIEFDEN MAN EN VADER/DEN HEER HARMEN S. ANDRINGA/GEBOREN TE OOSTERBIERUM/DEN 11 SEPTEMBER 1878,/OVERLEDEN TE BEETGUM/DEN 4 JULY 1915/BRECHTJE R. BROUWER EN KINDEREN/EN DIE HIJ GERECHTVAARDIGD HEEFT,/DIE HEEFT HIJ OOK VERHEERLIJKT./ROM. 8Vs. 30b./
Steande stien op it tsjerkhôf te Jelsum:
HIER LIFGT BEGRAVEN/RIENTS J. WARTENA./GEB. 31-5-1883/OVERL. 10-10-1961/GELIEFDE ECHTGEN.,/VADER EN GR. VADERVAN/BRECHTJE BROUWER/KINDEREN./MATTH. 22:30/ZOO GIJ GELOOFT, ZULT GIJ/DE HEERLIJKHEID GODS ZIEN. JOH 11:40b
Lizzend sarkje:
‘ROPPEN TA IT NIJE LIET’/US LEAVE MEM/BRECHTSJE R. BROUWER/ * 19 MAEIJE 1884/ † 6 FEBR. 1969/WIDD. FAN R.J. WARTENA/

Portret Brechtje Reimers Brouwer
Brechtje Reimers Brouwer. Erfgoed Fundaasje-Kolleksje Brouwer, Bitgum
Brechtje en Dirkje Reimers Brouwer
Brechtje en Dirkje Reimers Brouwer. Fotograaf: De Jong, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje-Kolleksje Brouwer, Bitgum

§ ÚTFANHÚZJE OP ’E PLEATS
Yn syn skôging Fakânsjepraet beskriuwt omke-en muoikesizzer Reimer van Tuinen syn utfanhuzje-op-e-pleats by Brechtsje Brouwer en Rients Wartena. It stik stie yn moanneblêd De Strikel (oktober 1971) en it is opnommen yn ’e bondel It lân is uzes meielkoar – In samling skôgings (BV Friese Pers, Ljouwert, 1979 ISBN 90 330 0102 0). Sjoch: Genealogy Van Tuinen – VI.3)
Sjoch hjirûnder (tip oan foar fertroulik fuortlêzen op ’e pylkjes) it gehele apostolysk epistel fan Reimer van Tuinen oer syn wjerfarren doe en mei syn gekleurde betinkingen letter beskreaun: Utfanhúzje op ’e pleats.

Sjoch foar taljochting oer A en B, dêr’t Reimer van Tuinen it oer hat, § Bekearlingen
Klik op ’e titelside foar mear.

Lyts Aysma op Dyksterhuzen, de pleats dêr’t Brechtsje Reimers Brouwer op buorket mei har beide manlju en tredderlei bern: dines, mines en uzes. Myn bern en dyn bern hienen rúzje mei uzes, mar no kinne se wer opsjitte, wie it sizzen wolris. Troch de bank nommen wie it in gesellige bedoening tusken de trije bruorren en suster, de broer en trije susters, de trije broers en suske, de healsusters en -bruorren en de kalfbruorren en -susters.
Lyts Aysma wie eigendom fan ’e famyljes Fonger Ydes de Haan>Van Beyma thoe Kingma>Tutein Nolthenius, wurdt kocht troch de hierders Reimer Rientses Wartena en Baukje Gerbens Brouwer en is hjoeddedei ûnderdiel fan ’e Maatskip Albrecht en Jouke Wartena, bouboeren en ierdappelkwekers – de fjirde generaasje yn ’e famylje. Hoewol, har foarâlden Sjoerd Sydses Koopal (1705-1764) en syn soan Syds Sjoerds Koopal (1732-1800) buorken hjir ek al.
Bewenner is tsjintwurdich Gerben Reimers Wartena

4 Gerben Reimers Brouwer, folget XIV.1
5 Hendrikje Reimers Brouwer (de earste Hinke) * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 5-5-1890, 5 oere † dêr 1-9-1891
6 Hendrikje Reimers Brouwer (Hinke) * Grut Fellingwurd te Menaam ûnder Bitgum 25-3-1894 † † Bitgummole 3-9-1966 [] Bitgum, r. 16, gr. 8;
x Menameradiel 6-6-1928, 34 en 24 jier, Sybren van der Schaaf * Bitgummole 26-6-1903 † dêr 1981 [] Bitgum, r. 16, gr. 8; ierdappelkeapman en -kweker te Bitgummole; oprjochter en direkteur ierdappelkwekers- en hannelsorganisaasje N.V. FOBEK: Foar Boer En Keapman; gemeenteriedslid fan Menameradiel foar de Anti Revolutionaire Partij; 1945 foarsitter Politieke Opsporings Dienst Menameradiel (P.O.D.); lid Commissie van Toezicht Landbouw Onderwijs Menameradiel; sn f. Arjen Dirks van der Schaaf, ierdappelkeapman en bouboer te Bitgummole, gemeenteriedslid foar de A.R.P., en Trijntje Sybrens van Tuinen
Sjoch foar neiteam: Genealogy Van der Schaaf 1978 – X.22
Sjoch fierder: De neiteam fan Durk en Baukje (út weinmakkers ta keaplju en oare fûels) Utflein fan Bitgummole oant Bagdad en fan Dyksterhuzen oant Lillydale; eigen behear De Kommisje, Bitgummole, 1986
Grêfskrift lizzende sark:
HJIR LEIT BIGROEVEN/HENDRIKJE REIMERS/BROUWER BERNE 25/MAERT 1894 YN KRIS/TUS REST 3 NOVIMBER/1966 FROU FAN SYB/REN VAN DER SCHAAF/

Grêfskriften Oarspronklike lizzende sarken:
HJIR LEIT/OAN’T DE DEI FAN DE OPSTANNING/IT STOFLIK OERSCHOT FAN/REIMER GERBENS BROUWER/MAN FAN/TRIJNTJE JACOBS GOSLINGA/BERNE 31-12-1856/FORSTOARN 28-11-1929/TO BITGUM/JES. 26:19/
HJIR LEIT/OAN’T DE DEI FAN DE OPSTANNING/IT STOFLIK OERSKOT/FAN US LEAVE MEM/TRIJNTJE JACOBS/GOSLIGA/WIDDO FAN R. G. BROUWER/BERNE18-3-1856/FORSTOARN 16-8-1936/TO BITGUM/EFZ.2:8/

§ DE KOLLEKSJE BROUWER
De kolleksje Brouwer omfiemet dokuminten oangeande de neiteam fan Klaas Gerbens Brouwer (IX) en Tætske Sipkes Heslinga. It giet dêrby om foto-albums, losse foto’s, brieven, poesy-albums, akten, en lytse realia lykas geboarteleppels, tabaksdoazen mei inisjalen, tekstyl, portretten, tekeningen en skilderijen.
Troch Erfgoed Fundaasje wurdt alles dokuminteard, argiveard en foar in part digitaliseard, sadat it foar de takomst bewarre bliuwt. It fysike materiaal wurdt neffens kontrakt feilichsteld yn klimaatbehearske kluzen by de Gemeente Waadhoeke en is iepenbier foar ûndersyk.

Brouwerskofferkes
Dit binne de saneamde Brouwerskofferkes, it iene is in doktersattribút. De ynhâld befettet ûnder oaren learboekjes fan Gerben Reimers Brouwer I, notysjeboekjes en almanakken fan Reimer Gerbens I en fan Gerben Reimers II idem en fierders brieven, histoaryske tonielstikken, ferhannelingen oer godtsjinst en polityk. Dit argyf wurdt yn 1971 troch de fiif bruorren Brouwer (XV.1, XIV.2, XV.2, 3, 4) per ûndertekene skinkingsbrief (ek mei út namme fan de twa susters) skonken oan Goasse Doekeles (XV.3.7) as er as broekje fan santjin troch har as famylje-argivaris beskôge wurdt. Goasse docht it erfguod oer oan Erfgoed Fundaasje

Hoedzjend en noedzjend lytsguod:
-Terpboek fan Gerben Reimers Brouwer I
Sjoch: § TERPBAAS
-Piipúthimmelder fan Reimer Gerbens Brouwer I

Reimer Gerbens Brouwer - piipúthimmelder
Piipúthimmelder fan Reimer Gerbens Brouwer I. Sulver, bekroane mei in hûntsje. Ferurven oan Gerben Reimers I, Reimer Gerbens II, Gerben Reimers II, Durk Gerbens, Roymer Doekeles, dy’t dit famyljestikje skonk oan de Kolleksje Brouwer. In piipúthimmelder fan Gerben Reimers I, ferurven oan Reimer Gerbens II, Gerben Reimers II, Durk Gerbens, Goasse Doekeles, dy’t dit famyljestikje allyksa skonk oan de Kolleksje Brouwer.
Piipúthimmelder fan Gerben Reimers Brouwer I
Piipúthimmelder fan Gerben Reimers Brouwer I mei syn inisjalen G.R.B.

Yn ’e famylje waard de piipúthimmelder fan Gerben Reimers II hazzesprong neamd, dat wie in beneaming foar sokke ynstrumintsjes ûntliend oan it bonkje yn ’e achterpoat fan it haske. Dat is sa sterk dat it hazzespringen dêrtroch bestevige wurdt, sadwaande ek gaadlik foar it deistich danich pjukken yn ’e piip. Mar it bonkje dat oan dizze handichheid fan Gerben Reimers I te pas komt, hat net fan in hazze west, it is it flinke fûgelpoatsje fan in wylp.

Notysjeboekje fan Reimer Gerbens Brouwer II
Notysjeboekje fan Reimer Gerbens Brouwer II. Hjir hâldt er de ôflossing fan ’e hierskulden yn 1929 by fan syn soan Gerbens Reimers II. Klik derop om te fergrutsjen
Matroazepakje fan Gerben Reimers Brouwer II. It boike hat der sa yn omkrûpt, dat it behoarlik fersliten is. It is makke fan velours chevon en hat de acht messing knoopkes mei ankerkes jitte behâlden
Troustrikje fan Gerben Reimers Brouwer II. Wat makket dat dit proper wyt-linnen gebrûksfoarwerpke ta net-fermôge erfstikje makke is?
Notysjeboekje fan Gerben Reimers Brouwer II, omstrings 1922
Notysjeboekje fan Gerben Reimers Brouwer II, omstrings 1922. De oantekens binne dan noch yn it Hollânsk. Germ jout de nammen fan syn susters oan syn kij. Hy ferneamd Juliana ek, letter betteret de Oranjeleafde oer. Al sit Germ sels as wenst net ûnder de kij, hy beskriuwt se sekuer en mei leafde
Notysjeboekje fan Reimer Gerbens Brouwer II
Notysjeboekje fan Gerben Reimers Brouwer II. Oantekens út 1949. De bolle fan bouboer en feefokker Lammert Jabiks Dykstra fan Menaam dekt syn kij. Dy binne neist syn dochters Nynke en Bouk, ek ferneamd nei fiktive froulju út de Fryske skiednis: Rixt, Tieth. Klik derop om te fergrutsjen
Geboarteleppel fan Doekele Gerbens Brouwer. Skonken troch de Erven Brouwer-Hettema oan de Kolleksje Brouwer.
Geboarteleppel fan Doekele Gerbens Brouwer. Skonken troch de Erven Brouwer-Hettema oan Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Brouwer

Sjoch: Erfgoed Fundaasje: Sulverkolleksje  sjoch foar mear: Argyfmateriaal

§ DE BITGUMER BEWAARSKOALLE
Yn 1887 komt de earste Bitgumer Bewaarskoalle fan ’e grûn. It ûndernimmen komt fuort út de Nederlâns Herfoarme Tsjerke. Ds Dirk Cornelis de Haas wurdt foarsitter, Rinse Andries Miedema bakker te Bitgummole, 2e foarsitter; Reimer Gerbens II, skriuwer; Rein Jans Reitsma, ferver te Bitgum, 2e sekretaris en Cornelis Sikkes Reisma, timmerman te Bitgummole, ponghâlder.

Bewaarskoalle Bitgum
De Bewaarskoalle omstrings 1888. Underste rige, twadde fan rjochts, yn matroazepakje: Gerben Reimers II; tredde rige tredde fan lnks: Brechtje Reimers Brouwer (XIII.1.3); tredde rige, fyfde fan links: Antje Foppes Dijkstra (dochter fan Maartje Gerbens Brouwer); twadde rige, tredde fan links: Hylkje Gerardus Gosliga (nicht fan Brechtsje en Gerben)
 

Reimer Gerbens seit by syn ôfskie as skriuwer yn 1889, neffens it tinkboekje ‘Jong Martena 25 jier’: /…/dat by alle ferskil dat der yn ús doarpen al bestiet, hy graach sjen soe dat yn dizze skoalle elke tsjerklike rjochting oan it ûnderwiis dielnimme koe.
Taco Kingma skriuwt yn syn Skiednis fan Bitgum: Dy winsk is hiel lang útkommen, oan 1956 doe’t in kristlike beukerskoalle oprjochte waard.

As de iepenbiere beukerskoalle foar Bitgum-Bitgummole in nij gebou ha sil op it terrein fan Groot Terhorne of Martena State, stelt Gerben Reimers de gemeente Menameradiel foar om dy  ‘Jong Martena’ te neamen; dy suggestje wurdt  oernommen, skriftlike befestiging 24 maaie 1960.

Brouwer Doekele brief Bokwerters 1

Reimer Gerbens II syn soan Gerben Reimers II en dy syn bern binne it dêr net mei iens dat de lytse bern útinoar helle wurde. Mar se binne yn ’e minderheid. Doekele Gerbens skriuwt oer de kwestje in brief yn Bokwerters. It epistel – hat er betocht – soe skreaun wêze troch Ymkje Hendriks Dijkstra, de frou fan syn neef Doekele Arjens van der Schaaf, dy’t buorkje op ‘De Stjelp’ op Dyksterhuzen. Ymkje komt út in laach fan Bitgumer otterdoksen dat wer oare dingen seker wit, mar neef Doekle Brouwer skept it tsjinoerstelde op. Doekele hellet syn omke Sybren van der Schaaf, troud mei Hinke Reimers Brouwer en sweager fan Ymkje, dêrby ek fan stâl.

Brouwer Doekele brief Bokwerters 2
Oer skoalbestjoerder Sybren van der Schaaf: Want hij speelt het wel klaar met onze kleine kleutertjes, hij moet het toch alleen doen, wij kunnen hem niet missen

§ KRISTLIK NASJONAAL ÛNDERWIIS
As bern gjin beuker mear binne is Gerben Reimers Brouwer II wol foarstanner fan kristlik ûnderwiis. Dat ûnderrjocht moat garant stean, net allinne foar kristlike wearden, mar ek foar de dito lear.

Bestjoer Kristlik Nasjonale Skoalle Bitgum. Tsjisse Hettes Hettema (ierdappeleksporteur, sjoch XIX.1.6 en XX.6), Sybren van der Schaaf (ierdappelkweker, sjoch XIII.1.6), Lolke Jabiks Dykstra (gernier), Gerben Reimers Brouwer, Petrus Johannes Wijbrandus Koopmans (timmerman) en haadmaster Jan Veninga. Fotograaf: Rollema, Ljouwert
Bestjoer Kristlik Nasjonale Skoalle Bitgum. Tsjisse Hettes Hettema (ierdappeleksporteur, sjoch XIV.1.6 en XV.6), Sybren van der Schaaf (ierdappelkweker, sjoch XIII.1.6), Lolke Jabiks Dykstra (gernier), Gerben Reimers Brouwer, Petrus Johannes Wijbrandus Koopmans (timmerman en oannimmer) en haadmaster Jan Veninga. Fotograaf: Rollema, Ljouwert

De kristlike legere skoalle fan Bitgum nimt syn oanfang net te Bitgum, mar te Marsum as dêr in oprjochtingskommisje begjint mei de tarieding fan de Christelijk Nationale School. Dat is om ende by 1868. Fan ’e fiif manlju is ien grifformeard, de oaren otterdoks Herfoarmd. Gerben Reimers Brouwer II skriuwt dêr in tonielstikje oer.
Syn oerpake Reimer Gerbens I, oerbeppe Jantsje Rinses Haadsma en pake Gerben Reimers I komme der yn foar as hja buorkje op Sjoelema state by de Hege Wier ûnder Menaam.
Bestjoerslid Sybren van Tuinen is de skoanheit fan Gerben Reimers I syn suster Durkje.
It tafriel jout in heldere útiensetting fan it dryste opsetten fan in kristlike skoalle, mei in sfearfol tiidsbyld yn net al te aventuerlike setting. Wis ta learing, mis ta fermaak, soenen je no sizze. Doe net?
Mar dêropta in kostlik sketske fan in fergese reis mei bûter en aaien nei Ljouwert.
Dit toniel is sûnder titel.

Klik: it folsleine tonielstikje mei in taljochting.

Fragmint út it stik:

By ús skyt de hûn in gûne. Dach Mefrou!
Rypstra >bearend<: Ei jonge ja. Ik haw ris fan Reimer Gerbens folk heard, jo witte it wol Sybren, dêr oan ’e Sânwei efter Bitgum.
Van Tuinen: O, jo bedoele dy dêr by de Hege Wier?
Rypstra: Just. No dy hat my ris ferteld, dan wie er yn dy tiden mei syn mem nei Ljouwert, mei bûter en aaien. En as de aaien dan gjin tweintich sinten it snies[tweintich] opbrochten, dan giene hja mei nei hûs, yn ’e bargen. En dêr wie de bûter ek al wat neffens, wat de priis belanget.
Tiemersma: Mar dat wie dochs gjin menear fan dwaan! Moasten dy no yn ’t fee? In earm minske koe se no ek betelje.
Van Tuinen: Dat moatte jo net te gau sizze. It deihierke wie noch lytser dan no, hja hienen it der net foar oer. En dan rûn Germ mei syn mem, in koer mei bûter en aaien yn ’e earm, hinne en werom nei Ljouwert. Tink ris oan! Der moast dan wat mear foar komme om de holle boppe wetter te hâlden.
Rypstra >tsjin Dokter<: En dochs woenen se har yn har earmoedigens noch great hâlde. Hy ferhelle my ek noch dit: doe wienen se útferkocht en doe sei syn mem hja moast noch efkes nei dy en dy Mefrou, dêr moast hja noch altyd in gûne fan hawwe. En dêr stie Mefrou boppe-oan ’e trep te krimmenearen dat se ‘die gulden betaald had’, mar Germ syn mem hie har nocht en rôp: ‘Mefrou, by ús skyt de hûn in gûne. Dach Mefrou!’
Dokter: Ja, ja, men moat jin ek noch mar wat ferbeeldzje.

§ HIERDER EN RINTMASTER FAN ’E SCHWARTZENBERGS
Reimer Gerbens Brouwer II is hierder fan ’e famylje Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Tagelyk fungeart er as rintmaster, lykas syn sweager Foppe Thomas Dijkstra (XII.1.1) dat ek is.
Reimer Gerbens hiert ûnder oaren fan Henriëtte Wilhelmina thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg * Bitgum yn De Tiid scil ’t Leare oan ’e Jonkersleane 1858 † Nijmegen 1913; dr fan Willem Frederik Lodewijk (Ljouwert 1818-Menaam 1873), yn 1857 amtner by it Kantongerjocht te Berltsum, by ferstjerren sûnder berop te Menaam (Bitgumer doarpsgebiet), en Femke Feenstra; x 1889 Hendrik Jan Rijfkogel * Haarlem 1850 † Nijmegen 1925; 1e luitenant Artillery te Arnhem; widner fan Antje Dirks Hartmans, widdo fan Dieuwko Hajonides Andries Bolman.
Hjirûnder in brief fan Rijfkogel oan Reimer Gerbens oer lânhier.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Transkripsje:

Arnhem, 25 November 1890

Geachte Heer,

Ik wil U beide stukken in huur tot 22 Nov. ’93
afstaan op zoodanige voorwaarden dat het wordt
,,eene verlenging van huur voor den tijd van twee jaren’’ en
dus de huursom vermeerdere noch vermindere, in zoo-
verre lasten, opgelden enz. als huurkosten kunnen worden
beschouwd en in deze te beschouwen zijn.
     Ik houd er echter geen deposito kantoor op na;
wegens vooruit betaalde huur vergoed ik geen renten: daar-
door zou ik in het karakter van schuldenaar vervallen en
daar gevoel ik geen lust toe.
   Wanneer U één jaar huur vooruit wilt beta-
len, dan verleng ik den thans bestaande huurtermijn, zoo-
als boven gezegd is en overigens op dezelfde voorwaarden, als die
thans geldig zijn, en wel voor perceel:
No 443 voor een jaarl.[ijkse] huursom van f 108,75
No 464   ”       ”        ”                       ”             ”   f 168,65 zonder verdere kosten
   De kwitantie van Nots Alma gaat hierbij terug.
   Gelieve mij Uw antwoord te doen kennen
en geloof mij
                        achtend
                                      Uw dw[dienstwillige] dr[dienaar]
                                      Rijfkogel

§ GJIN STIEN TROCH ’T RÚT
Reimer Gerbens en Nynke Gosliga gernierkje te Bitgum oant om ende by 1897, yn it hûs Buorren 10. It lân leit om Bitgum hinne, yn it Hoarslân ûnder Menaam, yn ’e Súdhoek fan St.-Anne en ûnder Froubuorren.

Yn septimber 1891 – it is yn ’e roerige tiid fan ’e arbeidersopstannen – komt ek folk op syn hûs op ’e Bitgumer terp ôf om him it mannewaar op te sizzen. Op har roppen komt Reimers Gerbens net troch de doar. Fan grimmitigens sil ien in stien troch ’t rút smite. In frou stapt út it folk wei nei foaren en ropt: Hjir net, hjir stiet in bern boppe de grûn.
Dat is de earste Hinke dy’t earstdeis begroeven wurde sil.

Nee, Reimer Gerbens II is net in foarnaam hear by guonnent: as er in kear by de skearbaas wei op hûs oan sil, binne syn klompen oaninoar fêstbûn. Brouwer sjocht dat net, stapt deryn en de man falt foaroer. ‘Op syn bek’ – dat is de bedoeling. De grutte bekken dy’t dit akkefytsje stikem úthellen, ha harsels noait bekend makke – der wienen wol fertochten en dêr wurdt it net better fan: dy rinne dêr mei om.

Buorren 10 op ’e Bitgumer terp
Buorren 10 op ’e Bitgumer terp

Reimer Gerbens is lid fan it Burgerlik Armenbestuur fan Menameradiel foar Bitgum. As earmfâd moat er bepale wa’t wat en hoefolle bedeeld krijt oan beane, earte en ierdappels. Dat is net in tankbere taak. Hy makket him net populêr.

§ GRUT FELLINGWURD
Reimer Gerbens en Nynke hiere Grut Fellingwurd – hûs, hoarnleger en lân (Menaam nr 352) – fan ’e Osinga’s te Menaam, dy’t de pleats in mannich iuwen yn besit ha (Menaam stim 59). Reimer Gerbens en Nynke besitte njonkenlytsen gâns fan it lân dat se op Fjouwerhûs bebuorkje, mar de huzing net.
Yn 1913 sil in skoansoan fan ’e Osinga’s derop:
Minne Cornelis Blanksma * Penjum 4-2-1870 † Ljouwert, wenjend te Frjentsjer,
28-8-1951, 81 jier, [] Menaam; by trouwen sûnder berop te Skalsum; sûnt 21-5-1902 boer te Hijum; sûnt 24-5-1913 bouboer op Grut Fellingwurd; sûnt 13-5-1927 boer te Skalsum; sn fan Cornelis Lieuwes Blanksma, yn 1865, ’70 winkelman te Penjum, yn 1902 bouboer te Skalsum, en Eelkje Minnes Anema;
x Menameradiel 8-5-1902, 32 en 26 jier, Jaike Klazes Osinga * Menaam 8-1-1876 † Ljouwert, wenjend dêr, 5-8-1967, 91 jier, [] Menaam; dr fan Klaas Doekles Osinga, bouboer te Menaam, gemeenteriedslid en amtner fan ’e Boargerlike Stân, en Janke Pieters Hiddinga;
Minne en Jaike hawwe trije bern, allegearre geboaren te Hijum: Cornelis * 1903, Klaas * 1905 en Janke * 1908.

Grut Fellingwurd yn 1913
Grut Fellingwurd yn 1913. Rjochts ûnder de ko feefersoarger Hindrik Theunis Papa, foar de gelegenheid ûnder de ko dêrneist Germ Reimers Brouwer, yn wite jûpe Durkje, foaroan by de grêft Brechtsy, links Nynke Goasliga en Reimer Germs en by har poppeweintsje Hinke

As Reimer en Nynke op Fjouwerhûs buorkje, freget Symen Oast, in eardere arbeider fan har, om eventueel los wurk, dat dan mar. Symen hat omdoarme – yn Indië ferkeard, dêrfan hat er syn bynamme ‘Oast’ skipe. Reimer wol him yn syn fêstigens op Fellingwurd net oannimme. Symen hinget him de oare deis op, yn it hôf achter de pleats, lyk foar it mulkeamersrút-útsicht fan Reimer en Nynke en de berntsjes.
Nynke freget: Reimer, witte jo wol, wat wol net oer jo sein wurdt, Reimer?
Reimer syn beskie is: Frou, ik haw gjin skuld oan dy man.

Se bidde:

O Heer, wij danken U van harte,
Voor nooddruft en voor overvloed,
Daar menig mensch eet brood der smarte,
Hebt Gij ons mild en wel gevoed. –

Tekst: Psalmboek fan Dathenus en de ‘Eenige Gezangen’ yn ’e Steatsberiming fan 1773 

Grut Fellingwurd - oaljeferve op paniel fan Bouke van der Sloot
Grut Fellingwurd omstrings 1970. Oaljeferve op paniel fan Bouke van der Sloot. Makke yn opdracht fan ’e Friesche Mij van Landbouw foar in jierkalinder mei ûnderskate pleatstypen. Oankocht op in feiling foar f 2.000,00 troch Goasse Doekeles Brouwer, dy’t it skilderij skonk oan Erfgoed Fundaasje

§ NIJ FELLINGWURD
As Reimer en Nynke fan Grut Fellingwurd ôf moatte, nimme se it beslút om op eigen lân dêrneist in nije pleats te setten (Bitgumerdyk 23). Dat is in stikmannich gewinten fierderop nei Bitgum. Op ’e homeiepeallen sil de namme Nij Fellingwurd komme, mar dat is wierskynlik net yn praktyk brocht.
Gerben Reimers I leit de earste stien, in gevelstien komt yn ’e súdmuorre:

GERM BROUWER ALLEEN,/HEEFT GELEGD DE EERSTE STEEN./WAS TOEN HOOG BEJAARD,/83 JAAR GESPAARD./OOK VOOR DE ZOON ALS STICHTER VAN DIT GEBOUW/DIE HET HOOPT TE BEWONEN MET ZIJN DOCHTER EN VROUW/LENTEMAAND 1913./
De dochter is Hinke.
Hjirûnder oer-oer-oerpakesizzer Jouke Wartena by de gevenstien yn syn âlderspleats, 2004. Sjoch: Wysels – side 43Genealogy Wartena – XV.7

Oer-oer-oerpakesizzer Jouke Wartena, by de tinkstien op syn bertepleats.

By Reimer Gerbens Brouwer wie ûnder oaren in jier fêst-arbeider Cornelis Jans van der Haag, letter sels boer yn Feanwâlden oan ’e Heidstreek en te Noardburgum, troud mei Klaaske Hjerres Boskma.
Har dochter Gaatske (* Wytgaard 1900 De Westereen 2014), krudenierske yn Twizelerheide, troud mei Riemer Meems, koe it rym Germ Brouwer alleen, heeft gelegd de eerste steen,
har hele lange leven fan 103 jier út ’e holle opsizze
 
Nij Fellingwurd; foar de famylje: de pleats oan ’e Menamerdyk

§ RINTENIERKJE
As Reimer Gerbens II en Nynke Gosliga fan ’e pleats gean sette se har yn 1925 nei wenjen op ’e eardere pastory fan ’e Grifformearde Tsjerke fan Bitgum (J.H. van Aismawei 73) te Bitgummole. Yn dy jierren wurdt dat stee sûnt Reimer en Nynke har dêr settelje it Rinteniershûs neamd.
Nynke Gosliga swaait de septer. Se rjochtet alles behoarlik lúksieus yn. Sa lit se troch sawat it hele hûs hinne fêste flierbedekking lizze, apart yn dy tiid. ’t Is readbrún en poarper mei âldrôze en it wol net slite, sa’n kwaliteit. Guon stikken binne der yn 2016 noch. Dy hat beppesizer Reimer van der Schaaf út kurioasiteit bewarre.
Reimer Gerbens II  bemuoit him allinne mei bûtenom. Earst lit er alles fervje troch ferver Fokkema. Dy doart neidat hy de put derút hat, hast net mei dy wol hele grouwe rekken oan te kommen. Nei ferrin fan tiid lûkt Reimer Gerbens him op ’e dyk oan ’e jas: Fokkema, de rekken! As baas Fokkema syn jild bart, is er ferstuivere: oars net as allegear grutte biljetten.

Fokkema hat ek in klus útstean by Jakkele Reitsma, de man dy’t de âlde grifformearde tsjerke kocht hat en troch him yn ’e ferve sette litten. Mar dy doarpsgenoat komt mar net mei syn sinten oer de brêge. Fokkema op syn beurt sjit him dêroer oan. Op ’t lêst komt de skuldner by him, en hy telt stoer foar stoer foar stoer del. Fokkema seit ferheard: Wolle jo dat hele bedrach yn stúórren betelje Jakkele? Ja! ropt dy. Of wolle jo se net ha Fokkema? 

Beppezizzer Tryntsje Harmens Andringa komt op 29-11-1928 by Reimer en Nynke yn en op 16-8-1936 komt se as ynwenjende by har muoike Hinke en omke Sybren yn itselde hûs.
As dochter Hinke Brouwer – neamd nei Nynke har jongferstoarne suske Hindrikje Goasliga – trout mei Sybren van der Schaaf lûke dy by Reimer en Nynke yn, it hûs is grut genôch. En se bliuwe dêr. Letter wenje dêr de bernsbern Reimer en Durk van der Schaaf, de tredde generaasje.


Op ’e foto rjochts de eardere Grifformearde Tsjerke, dêr’t Reimer en Nynke har bern nei de bekearing tagelyk doopt wurde en dêr’t troch har gâns geast en goed yn stutsen is. De foto is wierskynlik nommen by in doperij, dûmeny hat de poppe op ’e earm. Kolleksje Gosliga

It rintenierkjen betsjut by Reimer dat er besteld is mei tsjerklike saken. Hy is allyksa jildsjitter foar de grifformearde ûndernimming en dêr hâldt er dan ek it each op, letterlik en figuerlik.

’t Rinteniershûs

§ BEKEARLINGEN
Gerben Reimers Brouwer II en syn húshâlding binne neffens de tsjerkeregistraasje frijsinnich herfoarmd. Sjoch it haadstik § Wol en net tsjerks
Dat hâldt by Reimer Gerbens Brouwer II-en-dy yn dat se ‘der neat oan dogge’. Se gean sneins net nei tsjerke; de âldere garde docht dat wol op Goefreed, as se it Nachtmiel ta har nimme en op Aldjiersdei, as de nammen fan ’e ferstoarnen fan ’e preekstoel ôflêzen wurde. Se litte de bern net dope, dy binne saneamd dooplid troch de doop fan har âlden.
By begraffenissen wurdt wol in dûmeny fersocht om de foargong te dwaan. As de earste Gerben fan Reimer en Nynke yn 1881 ferstjert, is de Herfoarme Tsjerke fan Bitgum even fakant. De famylje jout Reimer en Nynke de rie om dan mar de herfoarmde dûmeny fan Menaam te freegjen. Mar Reimer wol der net safolle muoite foar dwaan. Hy seit: ‘Och ju, de finen hjir ha ek wol in dûmeny.’  En dy wurdt oansocht. It is ds G.A. Kempff1. Dûmeny stiet Reimer Gerbens by fan dûmenys sykbêd ôf, hy is te syk om op ’e pleats te kommen mar stiet wol op om de begraffenis fan it jonkje te lieden.
Yn 1890 ferstjert de earste Hinke. Reimer seit: ‘Ik gean net nei de frijsinnigen, ik gean wer nei dy finen.’ De Bitgumer grifformearde dûmeny is dan ‘menhear’ Te Winkel2. Hy liedt de begraffenis fan it famke en komt letter by de rouwenden del – neisoarch. Reimer begjint hyltyd mear oer it leauwen nei te tinken en komt stadichoan ta eigenaardige stichtelike ynsichten en hy wol him neigeraden ‘bekeare’ ta de otterdokse lear en libbenswize. Nynke is dêr ferlegen mei. Reimer wol syn befiningen graach o sa gedegen mei har trochnimme, mar dêr is Nynke net oan ta,  se kin der net oer.
Syn âldste bern, Durkje en Brechtsje, tsjinje as klankboerd. Reimer makket bygelyks lange kuiers mei Brechtsje en dan giet it oanienwei oer it geloof. Nynke seit dan faak: ‘Sa’n jong bern moatte Jo net froom wurde litte Reimer.’
As Brechtsje tsien jier is, komt se in kear mei in muoike de pronkkeamer yn en heart se har mem yn triennen sizzen: ‘Och jonges, it is wat, jim heit wurdt fyn en dat is dan ek noch de tsjerke fan ’e lytse lju.’ De Kleyne Luyden.

Nynke rint noch in hoart allinne geloofsweardich neffens har befining it onbehoarlik glysterige  tsjerkepaad fan Fellingwurd nei Menaam, dêr’t de herfoarmden de stevige otterdokse kant oer binne en tsjerket dêr op ’t heden – dat dan mar, wat moatte je? Se hâldt it even út. Hoe mannich minskebern binne dizze frou sykjend foar- en neigongen. Se makket de hannen frij tink, wa is foartreffelik. Guon fan har sibben ha har dan wat oars yn ’e kop set: – Ja, o Hear, oan Jo te tinken en oan Jo myn hert te skinken, heger ropping is der net. – It sil wol. Hat it oait sa beheind west? Se moat har ôfwende fan dy kristelike dogmatyk en dy oerdreaun wrâldfrjemde leave jezus. Nynke is Ien yn ’e Menamer wide mieden ûnder de kleare loft. Evenredige Nynke, wês foarsichtich, stroffelje no net oer dogma’s. Je tinke fan alles. Wat witte je. En dan, net te leauwen as fanâlds. De gele bûtergieltsjes yn har bermen sjonge de lof des Heare. Grûnfêsten yn dy gouden-achtige kleuren. De ferukkelike rook fan dy ûnsichtberste hoop. Dy blomkes binne nei de maityd fuort. Ik sil it as boerinne noch gebiede: myn sleatten wurde slatten. Gebrûklik, en sa is ’t. Fierdere keale kusten, oare iggen yn fergonkelik sicht. Sa doch ik it no. Se rint der net foarwei, in foarnaam ding.
Mar tagelyk de gedachten oan har leave ferstoarne Gêrrem en Hinke yn har skurte skonken en wer út hannen jûn en net foarby. Hoe bliid at je fansels yn wêzen binne mei myn nij geboaren bern.
En dan ynienen in ivige treast? Se is in hele respektabele foarnaam minskebern, en aansen yn otterdokse eagen in nota bene heiden. Wykt se sels dan fan it albelibjen ôf? In omslach yn ’t geheel. In onbegryplike rêding ta sieleheil, foar har dan. Se ropt it út oer iepen fjilden. Wy binne Ien.
Geandewei nimme Reimer en Nynke kategisaasje by de finen, lykas letter ek de bern Durkje, Brechtsje, Germ en Hinke, dat kin net útbliuwe. De ketterske ynsalve oannimmelike bekearingsprosessen beslaan sa’n fiif jier. De bern wurde op snein 7 juny 1896 fjouwerisom doopt yn ’e grifformearde tsjerke te Bitgummole troch dûmeny Jakob Op ’t Holt3.
Durkje – as dopeling trettjin jier – neamt harsels har hele leven noch in ‘bekearlinge’. (RvT)

1 Gerardus Adrianus Kempff * Amsterdam 26-9-1844 † Bitgum 8-2-1882, hy ferstjert nei in siikbêd fan twa jier; wurdt op 19-5-1876 ynskreaun yn Bitgum, komt Alde Maaie 1877 út Zutphen yn Bitgum; dêr dûmeny by de Christelijk Gereformeerde Kerk; x Johanna Dionicia Alberdina Haust;de widdo ferfart op 11-5-1882 mei har lytse bern út Bitgum nei Nieuwer Amstel, dêr’t se geboaren is.
2 Jan Derk te Winkel * Winterswijk 12-7-1830 † Elburg 29-12-1896; komt op 28-9-1886 yn Bitgum út Under-Knipe; earst evangelist, sûnt 22-7-1888 dûmeny by de Christelijk Gereformeerde Kerk te Bitgum; ferfart op 22-9-1892 nei Elburg; x Sæske Meines van den Berg.
Te Winkel wurdt as evangelist net dûmeny, mar ‘menhear’ neamd; hy hiert genierslân yn it Bitgumer Hoarslân, in pear pûnsmiet hyt nei him noch lang ’It menhearslân’.

3 Jakob op ’t Holt * Ljouwert 11-11-1864 † Meppel 24-8-1945; komt op 19-11-1890 út Onstwedde yn Bitgum; dûmeny by de Christelijk Gereformeerde Kerk te Bitgum, nei it gearranen mei de Nederduits Gereformeerde Kerk op 17-6-1892 dêr dûmeny by de Gereformeerde Kerken in Nederland; ferfart op 12-6-1896 út Bitgum nei Bolswert; x Jantina Rensina Niks. Sjoch: Rob Weber, Genealogie Op ’t Holt

Doopboek Grifformearde Tsjerke Bitgum. De fjouwer bern fan Roimer en Nynke wurde nei de bekearing fan har âldelju tagelyk doopt

Dizze Brouwers ûndergean in geastlike omkear en dêrmei anneks in hele kultueromslach.
Se bringe – lykas har godsfruchtige foarfaars fan iuwen her – by moarns- en jûnsgebed har genegenheden – al of net yn eigen of oarmans opleine eagen sûndich – foar it alter fan de Heare, yn ’e binnenkeamer, lizzend op ’e knibbels foar it bêd. Se bidde en bibellêze foar it iten, trije kear deis, it Boadskip wurdt yn ’e hollen beklonken.
– Opdat wij gedrongen tot dankbaarheid, meer en méér ons leven U willen wijden. Hóór Gij ons gebed. –
De wrâldske sang wurdt oanfuld of rommet geheel plak foar psalm en stichtelik gesang by it harmoanium. De bern krije oargelles. Gerben op it oargel fan ’e Grutte Tsjerke te Ljouwert. De organist besiket it fan alle kanten, mar syn ynset en rynsk traktemint foar dizze jonge baas kinne net ferhelpe dat de spiler syn klanken de himel onweardich bliuwe – hy kin wol sjonge. Dat bliuwt sa’t it is.
De bern wurde fan ’e iepenbiere skoalle ôfhelle om nei de kristelike ta. Se hawwe har kammeraatskes fansels op ’e skoalle fan ’e grauwen. Brechtsje giet yn ’t skoft stikem nei de iepenbieren. Op in seintsje fan ’e jonges fljocht se op sokken – op klompen giet net hurd genôch – nei de kristliken. Op ’en doer komt it kristlike skoallehaad, meester Alberts, dêr achter en dan is dat gebeurd. Brechtsje wurdt ferplichte goed behearske kammeraatske mei syn dochter, Martha, de blide, sûvereine selskrachtige getsjinstige.

Reimer is in tonielman; sels kin er ek ek omraak spylje. Yn ’e neiteam giet it ferhaal dat er sels foar Nynke in tonielferiening oprjochte hawwe soe. Hawar, toniel is wearelds en sy binne fuortoan wol ýn de weareld, mar net fán de weareld. Toniel is tenei tabû. Dûnsjen is ek út de Boaze. Lykas de merke; it kroast mei net fan in ôfstân stean te sjen nei dat merkefieren. Kaarten binne it printeboek fan de duvel. De bern kinne it net litte en kaartsje ferdjerlik as Reimer en Nynke fuort binne, mar as se har wer oankommen hearre, sette se hânsum it Halma-spul op ’e tafel.
Geastlik en materieel in omskeakeling. Wat de fleislike konversaasje oanbelanget, dy bliuwt by ’t âld bewende. Wurdt it geastlik lichem dield yn mienskip mei de hilligen, it lichem fan it flesk – de timpel des Heare, no sa beneamd – wurdt konsumeard inkeld en allinne yn it goddelik bêd fan ’e houlikse steat – is de bedoeling, nee, it gebod yn deze bedeling. Mar de praktyk wie dus fierhinne ek al sa.

(Meidielingen: ûnderskate famyljeleden, û.o. AB-W, SHA, RvT; en JKD)

By Reimer Gerbens II-en-dy en Gerben Reimers II útfanhûzje gauris dûmenys as dy te gastpreekjen komme. Op snein mei net reizge wurde, se komme dêrom op sneon en gean op moandei.
Nynke hat de gewoante om har gasten lúks gebak en bôle foar te setten. Dat krijt se fan ’e grauwe bakker. De fine breaman hat sokke delikatessen net te keap. Mar Nynke is der neffens de nije lear oan hâlden om net ôf te nimmen by grau, allinne by fyn. Se soarget derfoar dat de fine bôleman yn ’e lear giet te Ljouwert om de fijne kneepkes fan it banket yn ’e fingers te krijen. Dat slagget. Mar yn ’e kristlike bakkerij krije de feinten en fammen, dy’t it swiet geniet by Nynke ôfleverje sille, skeel. Dy’t dat dwaan mei, krijt fan frou Brouwer fiif stoeren foai, in deilean yn dy tiid.
(Meidielingen ûnderskate famyljeleden, û.o. AB-W, SHA; en JKD)

Neffens oerlevering wurde mei de húshâlding allyksa bekeard de fêste arbeider Hein en syn frou Janke, Hein Ales Wierstra * Wergea 1845 † Bitgum 1915, 69 jier, [] Bitgum rigel 32, grêf 11, en Janke Jans de Vries * Stiens 1849 † Bitgum 1929, 79 jier, [] Bitgum rigel 32, grêf 11.
Lykwols, Hein en Janke binne al Kristlik Grifformeard, dat it ferhaal fan dy bekearing tagelyk mei de patroan kloppet grif net.

Hein en Janke binne op Grut Fellingwurd in skoft ynwenjend, yn in achterkeammerke. Hein giet Janke nei it iten ek foar yn it Bibellêzen. Op in kear hearre Durkje en Gerben achter de doar wei – se stean net op ’e hark, dêr hâlde se net fan, se hearre it gewoan – dat Hein mei lûde stim Janke foarlêst: Vóórwaarts, vóórwaarts zeg Ik u!, net geheel neffens de Bibeltekst: Voorwaar, voorwaar Ik zeg u. (DGB)
Janke en Hein krije njoggen bern; sân dêrfan wurde deageboaren, in jonkje – Ale – wurdt fjouwer dagen en in famke – Grytsje – ien jier âld. Janke en Hein en Nynke en Reimer ûndergean dy bernestjerte mei-inoar.
Sjoch: Simon Wierstra – Genealogie Wierstra – VIII-i

De húshâlding fan Reimer en Nynke hat him no ûntlutsen fan de Nederlandse Hervormde Kerk, dy’t yn Bitgum fan de moderne sinjatuer, c.q. frijsinnich is, en is no bekeard ta rjochtsinnich, otterdoks en heart by de Grifformearde Tsjerke fan Bitgum; Reimer Gerbens is no ien fan ’e otterdokse mannenbroeders. De Ofskieding fan 1834, yn Bitgum hie dy plak yn 1843, en de Doleânsje fan yn 1892 hawwe se gjin part oan hân. Tusken dy twa rjochtingen – A en B – is noch hyltyd striid. Rûchwei sein stiet A foar mear otterdoks en tagelyk befynlik, en B foar dogmatysk.
De lju fan de Doleânsje binne fan de Nederduitse Gereformeerde Kerk, ûntstien yn 1886, dat tsjerkegenoatskip giet yn 1892 mei it grutste part fan de Ofskiedenen, dy fan ’e Christelijk Gereformeerde Kerken oer yn ’e Gereformeerde Kerken in Nederland, sûnt 2004 opgongen yn de PKN, de Protestantse Kerk in Nederland.

Bekearingssucht of bekearingsdriuw

Frijsinnigen of grouwen stean lyk foaroer rjochtsinnigen of finen. En dat skuort jammerdearlik troch sibben hinne: Reimer syn trije susters en har húshâldings binne frijsinnich. Lykwols, de famyljeferhâldingen bliuwe fierhinne goed. Al hat Reimer wol in bekearingsdriuw, sa net -twang, dêr’t benammen syn suster Jantsje net oer kin. Sy en har man, Abe Siderius, driuwe in gerenomeard hotel-kafee-restaurant oan ’e Lange Merkstrjitte te Ljouwert, Jantsje hat in hele fijne keuken, se kin mei har betûfte koks geweldich smaaklik iten foarsette en Abe is dêrby ferneamt pikeur, dat se ferkeare middenyn de – neffens broer Reimer – weareldse fermaken. Jantsje ferneamt Reimer wol, yn har soan Reimer, Reimpy. En wat âlder wat mylder.
Reimer syn mem, Brechtsje Folkerts Damsma, moat op ’e âlde dei by in folkstelling sein ha: Skriuw mar op dat ik by de tsjerke fan ús Reimer hear. En op har stjerbêd soe se utere ha – yn de Tale Kanaäns: ‘Ik heb mijn Heiland gevonden.’

It evangelisearen fan Reimer Gerbens Brouwer II opperet him ek yn ’e gelachkeamer. Yn ’e Doelesteech, in sydstrjitte fan ’e Drokke Kant fan ’e Ljouwerter Nijstêd is in Bitgumer Kertier: in kafee foar Bitgumers (letter Bar Pariba). Reimer Gerbens wol ek dêr de lju graach it Boadskip bringe.
As er mei de tram weromreizget, kin er it betiden noch net litte en evangeliseart er noch as de tram Bitgum al passeard is.

(DSvdS)

As neef Jan Jochems Kortje en syn frou in dochterke ferlieze, skriuwe Reimer Gerbens II en syn gesin in kondoleânsebrief.
Personalia:
I Jogchem Jans Kortje * St.-Anne 10-9-1841 † Drachten 19-12-1922, 81 jier; Jogchem is pleatsferfanger yn ’e de militêre tsjinst foar Arnoldus Abrahams Wassenbergh te St.-Anne; yn 1877, ’78, ’82, ’84 gernier te St.-Anne (hûsnrs 67, 121a); yn 1878, ’79 dêr fuorman; ferfart Alde Maaie 1907 nei Noarderdrachten (A92, P35, Aldewei 35), hy is dêr keapman yn manifaktueren; ferhuzet op 3-8-1908 nei Suderdrachten (Wyk E 56, 57); wennet op ’e âlde dei yn by syn soan Jan;
Jogchem en Dine binne Nederlâns Herfoarmd
Jogchem wurdt op 18-12-1878 as foarroppene frijsprutsen fan dieverij (Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert, ynvintarisnr 93, akte 776); hy wurdt op 29-11-1899 feroardiele ta sân dagen gefangenisstraf fanwegen mishanneling (Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert, ynvintarisnr 99, akte 499)
x It Bilt 12-10-1876, 35 en 34 jier, Gerardina Hendrika van der Velde * St.-Anne 7-11-1841 † St.-Anne 22-3-1900, 58 jier; suster fan Dirkje Gerardus van der Velde x Jacob Klazes Gosliga, de heit en mem fan Nynke Gosliga
Sjoch: Genealogy Gosliga – IV.1
Sjoch foarâlden Kortje: Parenteel Johannes Jans – IV-A en Parenteel Lenert Jacobs – III-D
Bern:
1 Jan Jogchems Kortje * St.-Anne 24-3-1877 † dêr 3-9-1877, 5 moanne
2 Hiltje Jogchems Kortje * St.-Anne 9-9-1878 † Haarlem 27-7-1955, 76 jier; húshâldster by har heit, ferhuzet tagelyk mei him nei Drachten; ferfart 11-9-1908 nei Velsen, Noard Hollân; wennet 9-2-1914 as faam by Göllmer, Groot Hertoginnelaan te Velsen; idem 21-9-1914 by G. Bremerkamp, Rijksstraatweg, Velzen, Huize Rozenstein;
x Velsen 25-5-1916, beide 37 jier, Christiaan Bremerkamp * Velsen 23-10-1878 † Haarlem 20-10-1960, 81 jier; yn 1916 túnker te Velsen; sn fan Gerrit Johannes Bremerkamp, yn 1878 arbeider te Velsen, yn 1916 dêr túnker, en Neeltje Buisman
3 Jan Jogchems Kortje, folget II
4 Hendrikje Jogchems Kortje * St.-Anne 27-2-1882 † dêr 11-6-1882, 3 moanne
5 Gerardus Jogchems Kortje * St.-Anne 26-12-1883 † dêr 21-8-1884, 7 moanne
II Jan Jogchems Kortje * St.-Anne 11-8-1879 † Drachten 17-6-1957, 76 jier, [] Suderdrachten; keapman en manufakturier te Drachten (Wyk A 58, 92);
x Smellingerlân 7-8-1909, 29 en 28 jier, Trijntje Hendriks * Drachten 27-6-1881 † Drachten 4-5-1944, 62 jier, [] Suderdrachten; by trouwen sûnder berop te Beetstersweach; dr fan Hendrik Klazes Hendriks, yn 1873 timmerfeint te Drachten, yn 1909 dêr timmerman, en Tjitske Eetses de Vries
Jan is earst gjin lid fan in tsjerkegenoatskip en letter Doopsgesind, Tryntsje is Doopsgesind en de bern binne gjin lid fan in tsjerke.
Bern:
1 Jogchem Jans Kortje * Drachten 27-6-1910 † 25-6-1993 [] Drachten, Slingehof; timmerfeint, timmerman en grûnwurker te Drachten, wennet yn 1934 te Den Helder, yn 1939 te Amsterdam; by syn trouwen timmerman te Drachten;
x Smellingerlân 12-10-1939, beide 29 jier, Froukje van der Wal * Drachten 28-10-1909 [] Drachten, Slingehof; by trouwen sûnder berop te Drachten; dr fan Jelle Paulus van der Wal, keapman te Drachten, en Grietje Aukes Hoekstra
2 Hendrik Jans Kortje * Drachten 23-6-1912 † 29-7-1965, 53 jier, [] Grins; krudeniersfeint te Drachten;
x Grins 23-4-1943 Trijntje Nobach * De Grinzer Pein 26-5-1912 † 19-12-2002, 90 jier, [] Grins; dr fan Ipe Hermanus Nobach en Antje Hylkes Merkus
3 Gerardina Hendrika Kortje (Diene) * Drachten 7-4-1916 † dêr 15-2-1917, 10 moanne
4 Gerardina Hendrika Kortje * Drachten 10-6-1919 † dêr 27-6-2000, 81 jier, [] Bakkefean; fan har is de brief ôfkomstich fan Reimer Gerbens II oan har heit en mem;
x 1946 Folkert Johannes Gorter * 26-7-1915 † dêr 3-10-1978 [] Bakkefean; wennet te Waskemar en Bakkefean

As yn ’e 70er en 80er jierren Reimer Wartena (XIV.7) en Goasse Brouwer (XV.3.7) op ien fan har ytlike útstapkes by fiere famylje lâns om út in dizenich ferline hâldfêsten yn holle en hannen te krijen en Bakkefean oandogge, op besite by Dine Gorter-Kortje (sjoch hjirboppe II.4), skikt hja har achter-achterneven de ûndersteande brief oan har heit, Jan Kortje, ta: it roubeklach fan Reimer Gerbens II en syn sibben mei it ferstjerren fan Diene Kortje (II.3).

Den Heer
Jan Kortje
Munufakturier
Dragten
Poststimpel: Beetgumermolen 19-2-1917

Menaldum den 19-2-1917.

Aan onze Treurende famieli

Uwe kennisgeving van het vroeg
tijdig afsterven van uwe geliefde Diena
kwam in ons bezit. Wij deelen eenig
sins in uwe smart. Ook wij hebben
eens en meermalen in droefheid neer
gezeten in die tijden van verlies onzer
huwelijks panden. Wij zouden u zoo
gaarne willen troosten, maar menschen
zijn moeilijke vertroosters
Onze God wil en kan over vloedig
troosten, dat heeft Brechtje en wij
allen mogen ondervinden met het
heen gaan van Harm.
Deze God stelt echter een zeer aan-
nemelijke voor waarde
Die tot God komt moet geloven dat
Hij is, en een beloner is der geenen die
Hem zoeken. En de Heere Jezus
zegt die zoekt zal vinden, en die
klopt zal worden open gedaan.
Der gelovige kinderen zijn volgens
Gods woord het erfdeel des Heeren
en kunnen niet verloren gaan.
Nu hebben wij ook kindern door
den dood verloren in der tijd dat
wij naar God niet vraagden, en
kunnen de beloften die er zijn in
Gods woord voor de gestorfene kleinen
niet aannemen, maar toch willen
wij zoo gaarne nog hopen, en nu
heb ik wel eens met aandacht ge
lezen wat God zegt om trent het
ge [=trochskrast] kind van den Godeloozen
Koning Jerobeam in 1 Koningen
16 vers 13.
Wij kunnenw u en uw gezin
den weg der Waarheid vervat
in den Ouden Bijbel nimmer
genoeg aan prijzen
Wij hebben toch ook zelf een weg
bewandeld die zoo zeer verschilde
van boven genoemden weg, maar
wat hebben wij ook lang daar
op voort gewandeld meenende dat
dit toch een goede weg was.
Onze Jaren klimmen wij zijn
beiden de zestig reeds gepasseerd,
gij beiden volgt ons achter na.
Ja wij volgen melkanderen als
schapen in het graf. Uw Vader
onze waarde Oom heeft reeds
de leeftijd wat de schrift noemt
der sterken bereikt, maar allen
zijn we toch nog in het heden der
genade welk heden wij nog de
beschikking over hebben, en daar
om is alle uitstel van ons zoo
dwaas, om den Heere te zoeken
want de toekomst behoort niet
aan ons, daar over zijn we zoo
echt lijdelijk
Ik ben in dezen wel wat vrij
postig u in dezen te wijzen
op het eene nodige voor dezen
en de toe komende tijd, maar
geachte famieli neem het aan
als van een vriend
Ook weet ik dat ons hart
bij treffend verlies wel eens door
den Heere ontvankelijk wordt
gemaakt.
En dit mogen wij dan aanmerken
als Gods vinger
Wij hoopen van harte dat deze
weg van droefheid door den Heere
mag worden geheiligd aan
uwe harten
Wij wenschen ook dat het u
verder stoffelijk, maar bezonders
geestelijk moge welgaan, en dat
door dit heen gaan uwer geliefde
Diene wat thans moet wor
den aagemerkt als een groot
verlies, nog mag worden ver-
anderd door de goede hand
onses Gods in een zeer uitnemen
kostelijken schat des geloofs, verre
te verkiezen boven alles wat deze
aarde ons zal kunnen gefen.

Uwe deelnemende vrienden
R.G. Brouwer
en gezin

Pakesizzer Sybe Harmens Andringa fertelt
Pake Reimer en beppe Nynke hawwe wol wat ûnderfûn, mei’t se in pear berntsjes ôfstean moasten. Under oaren dêrtroch  is der in kear yn har libben kommen, wêrtroch it fertriet plak romje moast foar in wonderlike treast. Dat leauwe, dat starichoan groeide, hawwe se trochjûn oan har bern en bernsbern. Yn dat ferbân sjoen, kinne wy sizze dat har libben fan grutte betsjutting west hat foar de neiteam.
Pake Reimer waard in tige bibelfêst man en drukte him ek faak út yn bibelske foarmen. Doe’t syn rinnen minder waard, frege Jochum Stienstra him ris: Brouwer, hoe giet it mei jo? Pake antwurde: Jochum, de HEERE heeft geen welgevallen in de benen des mans.
In kear doe’t er fanwegen de tsjerkeried in gearkomste fan de jongfeinteferiening bywenne, murk de foarsitter op dat der net safolle leden wienen – der wienen gans ontrouwe leden. Pake sei: Ja, ik haw my ek al ôffrege, zijn dit al de jongelingen? En doe’t er dêr fierder op trochgong, helle er Gysbert Japicx oan:

Krijt de wrâld de rjemme, o sot?
En de dreage molke God?
God de stronk, de wrâld de blomme?
Jongerein, dit mei nea komme.
In oar typearjend ferhaal is it folgjende: nei ôfrin fan in feestjûn yn tsjerke, soe pake Reimer de prizen útrikke. Bauk (fan Pyt Durks van der Schaaf) stie kamp mei in oarenien en mocht earst útsykje. Foar it priisútrikken hâlde pake earst op steatlike, mar ek freonlike wize, in lang ferhaal oer it ‘keuze maken’, mei as foarbyld it ferhaal fan Lot en Abraham. Dat duorre Bauk fierstentelang. Se ûnderbruts pake en sei: Stil mar gau Brouwer, ik bin der allang út wat ik ha wol, en as ik op jo tapassing wachtsje sil, kom ik dochs oan krapperein. En Bauk pikt fan ’e tafel wat se ha wol en strûst fan ’t poadium ôf.’
Boarne: Forslach fan de Brouwersjoun, 1970

§ PUNTEN FAN DANKZISSEN
Fan Reimer Gerbens Brouwer binne fjouwer opskriuwboekjes bewarre bleaun mei oantekeningen fan ‘Gemaak der vrugten van Bouland’, prizen fan dong, fee, molke, moal , ierdappels (‘Borgers, Eerstelingen, Muizen, Geeltjes’), rapen, woartels, flaaks, hjouwer, biten, ensfh. Kosten deihier, ploegjen, eidzjen, dongriden, ensfh. Utjeften en ûntfangsten ûnder oaren fan en oan syn mem, syn bern – Durkje, Brechtsje en Gerben -, Piter van Tuinen, Rients Wartena, Jitze de Jong, polder Súdhoek, bitefabryk, ryksliening, oandielen, ensfh.

Yn ’e almanak fan 1917 stiet mei potlead skreaun de folgjende taspraak, stavering oanhâlden:

Punten van Dankzissen 40 Jarig fierdei

Famieli en Freunen.

Oen mij is ut nou zeit us heeg achte lieder om un wurd van thank ut to sprekken.
Om der ta to kommen sil ut noodig waeze om de woldieden eventjes oen to stippen.
Ik tochte nies sa aan Vader Jakob die zeit doe hij weromkaam van Padden Aram en doe hij zeeg al dat geene wat hij verkriege hie, mei myn stok bin ik oer deze rivier tein doe’t ik hinne gong en nou’t ik werom kom bin ik tot twa Heiren.
Ik bin voor 40 jier ek hinne tein en dat net za fier ou, tichte bij, hier bij de Borne. Mien reis wie doe om Nienke van Jakob en Durkje. Nou die waar doe oen mij oustien. Ik moest belove goed op har to passen Ja dat hiene ze zels ek dien. Ut gong voer mij makkeliker os Vader Jakob, die moest soen jier tsjinje om Rachel. En den leze we Alzoo diende Jakob zeven Jaren om Rachel en deze waren voor hem als eenige dagen om dat hij Rachel lief had.
Der kin ik us ek wer ien fiene want 40 jier mei en oar ferkeerd en nou zisse wij ek wer is de tijd bleun ’t komt faaks ek om dat we melkouren lief haffe. Die liefde fon mon en vrou der wol ik even bij stil steen om dat dut de Heechste groen is voer ’t huwelijk En ut is van heegere herkomt. us goede God hat ut uttocht
Ut 18 vers van Genesis 2 leeze we Ook had de Heere God gesprooken het is niet goed dat de mensch alleen zij, ik zal hem eene Hulpe maken die tegen over hem zij en ien fers 24 Daar om zal de mensch zijn vader en moeder verlaten en zijne vrouw aan kleven en zij zullen tot een fleesch wezen en letter ien Hoofdstik 3 vers 16 en tot tot uwer man zal uwe begeerte zijn Ut eerste wud zein oen de Jonge man en twad oen de Jonge vrou.
Mar nou binne wij ood Wij sjugge nou net sa liek as Jonge minsckken in de takomst, mar wij meie nou graag teruch sjen nei ut geene dat achter us leit.
En dan is deuze dei en dei van herdenking oertinke deuze 40 jier die nou achter us leit
We Benne riek beweldadigd We fiele us in deuzen liets tsjin oer Gods goedertierenheid en trou oen us betoand Ek fiele we us dankbaar oen us God en ek dankbaar oen us famieli en Freunen die’t deuze fierdei ek mei fiere woene

§ ANEKDOATEN OER REIMER GERBENS II
* Yn syn feintejierren makke pake op in sneintejûn mei in keppeltsje maten ris in kuier nei Dyksterhuzen. Sa pratendewei kamen se op Nynke Gosliga, dy’t doe tsjinne op ’e pleats dêr’t letter Sytse Postma ferkeard hat [Ald Grut Aysma, no nr 16] Se seinen sa tsjinelkoar: ‘Wa soe dy tsjeppe faam noris doare te freegjen’. Doe’t se njonken dy pleats wienen, stapte Reimer ynienen út de rige, sei fan ‘goeien-avend’ en gong oer it brechje nei Nynke ta, de oaren ferbjusterjend achterlittend. (SHA)

* Reimer is net in baas reedrider. Mar hy wint mei it hurdriden foar bern op ’e slotsgrêft dochs ris in earste priis; syn prestaasje hat mear fan hurddraven as riden. Ien seit by it útrikken: Nooit Gedacht en toch Volbracht. Dat sechje is lang yn ’e famylje yn swang bleaun. (RGBII)|

* Reimer ûntwikkelet him ta in betûft preeklêzer, mar op in kear bliuwt er stekken by it útsprekken fan it tankgebed: O Vader, dat Uw liefd’ ons blijk’…; de kosterinne Pytsje van Gunst rint hastich fan har fêst sitplak nei it foarlêzersbuordsje en flústeret him yn ’t ear: O Soon, maak ons Uw beeld gelijk…
Boarne û.o.: Reimer Dijkstra, In en rondom de kerk, 1984.

* In omkesizzer fan Reimer krijt, as se allang widdo is, noch in dochter. Reimer freget har: De boetfaardige sondares? Sy: Ja omke. Hy: Dan is ’t goed. (JKD)

§ KRISISJIERREN
Yn ’e lânboukrisis fan ’e tritiger jierren fan ’e 20ste iu lient Gerben Reimers Brouwer fan syn mem en trije susters. Syn hierskulden wurde foar in part kwytskolden. As yn dy jierren Gerben syn jierdei fiert en syn suster Brechtsje net by him komme kin omdat se siik op bêd leit, freget se fia in boadskipper – Vanwaar Gehazy – dat Gerben by har op ’e pleats komt, mei dêroan tafoege: ‘En dan moat myn broer de bewizen meinimme dy’t er fan my hat.’

It binne skuldbewizen.
Gerben ferskynt by Brecht har siikbêd yn ’e alkoof, dêr’t se no allinne mei har broer is, se lokwinsket Gêrrem mei har hele ljochtblauwe eagen en seit: Wêr hast de papieren? Gerben langet se oan Brecht oer. Dy fersniperet se foar syn donkere kikers en lit se by har bêd del oer de grûn dwarrelje. Sa, dan is dat ek út ’e wei Germ, fersuchtet se.
Yn dy jierren is Gerben needsake om út ’e krapte guon fan syn kij te ferkeapjen. In kear swaait in feewein syn hiem op, mei dêryn in mannich kobisten. Hy opperet dat er dy net besteld hat. De feerider syn replyk: ‘Frou Wartena seit dat dy hjír wêze moatte.’
Gerben Reimers II wurdt op hannen droegen troch syn alle trije susters. Yn in brief fan syn âldste suster Durkje, hat er ek omraak kredyt.
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.


Transkripsje:

Dokkum 30 Nov 1933

Geliefde Broeder en Zuster!

Deze week werden we verrast met een
brief van Zwager Sybren1 welke schreef dat
dat [trochskrast] hij met Gerben gepraat had en gevraagd
hoe eigenlijk besloten was aangaande de huur-
overeenkomst met Moeder, toen bleek hem dat
hij niet de juiste opvatting had, met ’t oog
hierop misschien hadden jullie afgepraat nog eens samen-
te komen over deze zaak.
Nu G2 wij hoorden hier vreemd van op, die
zelfde avond vroeg ik P3 bij Moeder en toen
vertelde P dat besloten was dat Germ
geen huur zou geven, werden de tijdsom-
standigheden zoo dat hij iets kon geven, dan
kon dat, daar mede was de zaak af, dat
is geen onzekere afspraak.
Nu heeft P van morgen Zwager Riens4 ge-
schreven dat die zaak toen afgehandeld
was, zooals ik hier boven schreef en P
achte ’t niet noodig en ook niet wensche-
lijk om hier nog eens op terug te komen
en ten slotte vond P moesten we die zaken
ook aan Moeder overlaten.
Ik ben blij dat P Riens zoo geschreven
heeft, Zwager Sybren moet hem hier maar
bij neerleggen. Hij zal zijn eigen voorstel om f 5000
van Moeder wel niet verkeerd opgevat hebben denk ik.
Sybren mogt ook wel eens bedenken dat we als naas-
ten, broeder en Zusters elkander hebben te dienen door de liefde.
Ik schrijf je dit geheel op eigen houtje, met ’t oog
hierop G, dat je je nu maar eens niets van
Sybren zijn bedenkingen zult aantrekken,
jij en Piet en Riens weten wel zeker wat
’d afspraak was, als Sybren ’t dan al niet weet
en ten slotte heeft Moeder beslist, dat recht komt
haar toe. Wij weten wel nietwaar dat we allen
ook voor Sybren en Hinke zijn, onze mede werking
willen betoonen. Nu G ik hoop maar dat deze
dingen jou en Anna niet mogen verontrusten
en verder zijt Gode bevolen met al uwe be-
hoeften, zoowel lichamelijk als geestelijk. Hij is
immers onze Getrouwe God en Vader die een ieders
weg bestuurd naar Zijn Heiligen Wil, mogt het
zijn tot Zijn Eer.
Dit is vertrouwelijk, alleen als Zuster en Broeder,
jullie vre [=trochskrast] vertelt dit niet, doch ’t moest me even
van ’t hart, zei het om je gerust te stellen.

Hier alles best, wanneer krijgen we Piet5 hier,
jullie schrijft maar even

Hartl. Groetent
je Zuster Dirkje

1 Sybren van der Schaaf, troud mei Hinke Brouwer
2 Durkje har broer Gerben
3 Durkje har man Piter van Tuinen, Piet
4 Rients Wartena, man fan suster Brechtsje
5 omkesizzer Piter, soan fan Durkje har broer Gerben

§ BESIT FERBOELGUODDE
Neidat Nynke Gosliga op 16 augustus 1936 ferstoarn is, komt 5 novimber in part fan har besit op buorden. Dêrta wurdt in katalogus printe mei de beskriuwing fan ’e gewinten en perselen: in hûs mei hok, bûthús en hiem oan ’e Sânwei ûnder Menaam; in hûs mei hok en hiem te Bitgum; en njoggen stikken bou en greide. Trije lânkaartsjes binne deroan tafoege.

Soan Gerben Reimers hat yn it eksimplaar hjirûnder oantekene wat bean wurdt en foar in part troch wa; neamd wurde: G. Bontekoe, S. Bonkekoe; W. Boomsma, A.J. Dijkstra, K. Kuperus [?], J. Noordenbos, H. Mearsma, J. Noordhof, Auke Plat, J. Aukes Plat, O. Snijder, T. Snijder, S. Sylstra, Sj. Terpstra, R. Velsma [=Ritske Tjeerds Velstra], B. Lettinga [=Bauke Lettinga].
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

It besit fan Nynke Brouwer-Gosliga wurdt takseard troch Pieter Pylgers Miedema, oantroud omkesizzer (sjoch: Genealogy Dijkstra-Bitgum – VI.4), dy’t sok wurk faker by de ein hat.
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Hierders ûndergean ek neisleep krisis 
De hierders fan ’e Brouwers en har húshâldings mei lytse bern ûndergean ek de neisleep fan ’e krisis.
Lykas út de katalogus hjirboppe bliken docht, wurdt lân anneks huzen ferhierd ûnder oaren oan ’e Alddyk (=Ryksstrjitwei, Berltsumerdyk, nrs 91 en 91 A) en oan ’e Sânwei tusken Menaam en Bitgum.
Gerben Reimers II skriuwt út namme fan syn mem en susters in brief oan dy hierders, dat binne: 

-Anne Jisses Dijkstra * Bitgum 18-3-1896 † Ljouwert 26-12-1952 [] Bitgum; grientesutelder te Bitgum, sûnt syn earste houlik yn hûsnr 23, sûnt Alde Maaie 1925 nr 91;
x 1 Menameradiel 24-4-1924 Maaike IJsbrands Brandsma * Hallum 29-1-1900 † Ljouwert 29-4-1934 [] Bitgum rigel 4, grêf 13;  x 2 Menameradiel 16-7-1936 Tietje Keimpes Reitsma * Hegebeintum 22-6-1903 † Frjentsjer 8-7-1978 [] Bitgum; by trouwen húshâldster te Bitgum; by de hieropsizzing binne der seis bern, allegear te Bitgum geboaren: Jisse * 1925, IJsbrand * 1927, Jetske * 1929, Lieuwkje * 1931, Antje * 1932 en Keimpe * 1937

-Anne Meinderts Hofstra * St.-Anne 21-12-1900; by trouwen boer te St.-Anne; sûnt 21-5-1928 gernier te Bitgum, hûsnr 61, sûnt Alde Maaie 1934 nr 91A;
x Ljouwerteradiel 20-7-1927 Trijntje Wijbes Wijbenga * Hijum 22-9-1905; Anne en Tryntsje ha by de hieropsizzing trije bern: Meindert * 1928, Trijntje * 1931 en Wijbe * 1937  

-Oenze Dirks Pietersma * Stiens 28-2-1910 † 22-10-1991 [] Menaam; arbeider te Menaam, hûsnr 434, m.y.f. Alde Maaie 1933 nr 443;
x Barradiel 16-5-1931 Tjerkje Oebeles Boomsma * Drachten 2-4-1912 † 22-9-1988 [] Menaam; by trouwen faam te Furdgum; Oenze en Tsjerkje ha by ’t opsizzen fan ’e hier trije bern: Bouwina * 1931, Tjittje * 1933 en Dirk * 1937

-Saapke Wierstra-van der Leest en bern (Gerben skriuwt net Wierstra, mar Wiersma); Saapke gernierket as widdo mei har kroast oan ’e Sânwei (Menaam nr 442); Saapke hat acht bern yn ’e hûs: Keimpe * 1914, Jantje * 1915, Tietje * 1916, Maaike * 1918, Grietje * 1919, Douwe * 1921, Tjitske * 1922 en Gerritje * 1924; se ferhúzje op Alde Maaie 1937 fan ’e Sânwei nei Bitgum nr 27.
Sjoch foar personalia fan Saapke Douwes van der Leest [] Bitgum rigel 37, grêf 5; x Jan Keimpes Wierstra [] Bitgum rigel 37, grêf 5: Simon Wierstra – Genealogie Wierstra – IX-n 

Hjirûnder de brief yn klad oan widdo Saapke Wierstra en bern, net dateard:

Achte frou Wiersma en bern,
By dizzen doch ik jimme to witten, det my opdroegen is jimme mei to dielen det it hûs troch jimme biwenne net hwer fen de fam Brouwer hiert wirde kin, en dit dos op opsizzing jild for 12 Maeije 1937.
Jerne skoe ik dit sels efkes mei jimme forpraet hawwe, mar om’t ik oan hûs boun bin, koe dit net.
Groetsjend jim tsjinner
G Brouwer

hûs en lân troch jimme hierd, Saapke
it hûs fen 12 Maeije 1936

XIII.2 REIMER RINSES BROUWER
XIII.2 Reimer Rinses Brouwer * Froubuorren 15-2-1867 † Muntsjesyl 1-3-1902, 12.30 oere, Wyk B nr 73A, oan in longûntstekking, []  Muntsjesyl; kwekeling te Frjentsjer, ferhuzet dêrhinne op 21-4-1884, komt op 30-4-1887 dêrwei by syn heit te Menaam, ferfart dêrwei op 14-7-1888 as ûnderwizer nei Easternijtsjerk, Eastdongeradiel; sûnt 2-8-1894 ûnderwizer te Muntsjesyl (hûsnr B 73a);
Reimer wurdt op 17-3-1887 goedkard foar de militêre tsjinst; sinjalemint: 1 Meter, 777 millim. Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: rond; Oogen: blaauw; Neus: gewoon; Mond: klein; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id[em]; Merkbare teekenen: op het voorhoofd [der stiet net by wat].
x Frjentsjer 16-7-1898, 31 en 25 jier, Geertje Harmens van der Ploeg * Rie 12-9-1872, 6 oere † Frjentsjer, A. Teltingstrjitte 5, 7-3-1962 [] Skalsum rigel 8; by trouwen sûnder berop te Rie, binne de lêste seis moannen te St.-Jabik;  komt op 27-7-1898 út Rie yn Muntsjesyl; sûnt 13-1-1902 dêr oansteld as ‘Onderwijzeres in de nuttige handwerken’; nei it ferstjerren fan har earste man mei yngong fan 7-10-1902 húshâldster by Minne Cornelis Blanksma, boer te Skalsum, sûnt 1913 bouboer op Grut Fellingwurd (dêr’t har man syn neef Reimers Gerbens op buorket), sûnt 1924 boer te Skalsum, (sjoch § GRUT FELLINGWURD)
dêrnei húshâldster by har lettere man te Penjum, letter te Skalsum; dr fan Harmen Jans van der Ploeg, arbeider te Rie, en fan Rinske Dirks Meijer;
Geartsje x 2 Wytmarsum 24-5-1905, 32 en 31 jier, Schelte Heins Hilarides * Penjum 30-7-1873, 2.30 oere † Frjentsjer, A. Teltingstrjitte 5, 13-4-1955 [] Skalsum r. 8; bouboer op Meilsma state te Penjum, sûnt 1906 greidboer op ‘Klein Molswerd’ te Skalsum (Ryksstrjitwei 2), letter rintenier te Frjentsjer; sn fan Hein Lammerts Hilarides, bouboer op Meilsma state te Penjum, en fan Akke Hessels Roorda
Bern:
1 Rinske Reimers Brouwer * Muntsjesyl 30-10-1899, 2 oere † Harns, Oranjeoord, 26-6-1989 [] Skalsum; ynskreaun as Rinske, skriuwt harsels measte Renske; diplomearre ‘telefoniste bij den interlocalen dienst’ (diploma 12-10-1920, oanstelling 8-11-1920); húshâldster by har mem en – twadde – heit, en by gâns oaren.
Bern út Geartsje har twadde houlik:
2 Hein Lammert Scheltes Hilarides * Lyts Molswert, Frjentsjer 22-7-1906 † Frjentsjer 2-1-1976, 69 jier, [] Skalsum r. 8; greidboer te Skalsum op ‘Klein Molswerd’; 25 organist tsjerke Skalsum, dêr tsjerkfâd; 28 jier sekretaris ôfdieling Frjentsjer en Omkriten fan ’e Rabobank; bestjoerslid Friesche Maatschappij van Lanbouw ôfdieling Frjentsjer; rintenier te Frjentsjer yn ’e Feikemastrjitte;
x Tytsjerksteradiel 21-5-1941, 34 en 30 jier, Atje Straatsma * Koarnjum 1-11-1910 † Frjentsjer 26-10-1995 [] Skalsum; by har trouwen wenjend te Hurdegaryp; greidboerinne op Lyts Molswert; dr f. Kornelis Gerrits Straatsma (Kees), bouboer te Koarnjum, sûnt 1916 te Hijum, foarsitter Bûterfabryk Bartlehiem, tsjerkfâd te Hijum-Feinsum, en Trijntje Reinder Matthijs Hoekstra (Tine)
Sjoch:
-Erfgoed Fundaasje, Genealogy Hilarides – VIII.3 en IX.3
-R.K. de Jong, Straatsma scil ús efternamme wêze – Een overzicht van tien generaties van de familie Straatsma uit Jislum, Fryslân. 1700-2000; eigen behear, Ljouwert, 2000, side 184A
-Reinder Matthijs Straatsma, Oantins Straatsma, mei gâns persoansbeskriuwingen, eigen behear, Kampen, 1981, 2010

§ BEKWAAM
Reimer Rinses Brouwer is in bysûnder bekwaam – begjinnend –  ûnderwizer, ‘Der sit in kop op’. Dêrneffens wurdt er wurdearre; anneks binne de hege ferwachtingen.
Nei’t er op in kear yn ’t kafee west hat en op hûs oan is, bliuwt er oan ’e kant fan ’e dyk lizzen. It is frieswaar. Geartsje en Rinske, syn frou en dochterke, binne dan by beppe fan memmeskant te Rie. Reimer skipet longûntstekking en ferstjert dêr trije dagen letter oan. (Meidieling ûnderskate famyljeleden en PMD)

Reimer Rinses Brouwer portret
Reimer Rinses Brouwer, as er sawat tolve jier is. Fotograaf: P. Timmer, Eise Eisingastrjitte, Frjentsjer
Reimer Rinses Brouwer foar de skoalle te Muntsjesyl
Reimer Rinses Brouwer foar ‘syn’ skoalle te Muntsjesyl
Reimer Rinses Brouwer trou-advertinsje
Reimer Rinses Brouwer rou-advertinsje
De advertinsjes binne hele levens bewarre

§ BROUWERSKOP
As Rinske Brouwer berne is, freget har pake Rinse: Hat se ek in Brouwerskop? Hy bedoelt dêr mei: is se smel om it holtsje, sjocht se helder út ljochtblauwe eachjes en hat se – sa lyts as se is – no al in eigen, stiif kopke? Dit hat Goasse Brouwer fan Rinske Brouwer, dy’t dat fan har mem hat. Rinske seit: Wy achten dy úspraak fan Brouwerskop wûnderbaarlike kostber en wisten werkelik net mear. 

Rinske Reimers Brouwer, 2 jier. Fotograaf: P. Timmer, Noard 2, Frjentsjer
Geertje van der Ploeg en Schelte Hilarides - portret
Troufoto fan Geertje Harmens van der Ploeg – widdo fan Reimer Brouwer – en Schelte Heins Hilarides. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Brouwer-Hilarides
Portret Hein Lammert Hilarides en Rinske Brouwer
Hein Lammert Hilarides en Rinske Brouwer. Fotograaf: Obbema & De Bruin, Ljouwert, Snits. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Brouwer-Hilarides
Lyts Molswert
Lyts Molswert ûnder Skalsum. Schelte Heins Hilarides en Geertje Harmens van der Ploeg litte yn 1899 de kop-hals-romp op dit stee ôfbrekke en sette in nije stjelp. De kop stie fan ’e dyk ôf, de nije stjelp hat it sicht op ’e Ryksstrjitwei fan Ljouwert nei Frjentsjer, dêr’t de tram dan noch rydt. Nei Skelte en Geartsy buorkje hjir Hein Lammert Hilarides en Atsje Straatsma en dy wurde opfolge troch de muoike- en omkesizzers: Cathrinus Straatsma en Tine Rienks, dy’t de Kolleksje Brouwer-Hilarides oan Erfgoed Fundaasje skinke.
Rinske Brouwer - Earste stien Lyts Molswert
Rinske Reimers Brouwer leit de earste stien. Rinske hat har eigen heit noait kennen, Skelte Hilarides is yn wêzen har heit. Rinske skewielet en bedielt harsels as lytse flarde yn Skalsum en omkriten ek mei de namme Hilarides. Letter is it Juffrou Brouwer en neigeraden fansels Frou Brouwer
Rinske Brouwer mei kollega-tillefoanistes foar it postntoar oan ’e Twibaksmerk te Ljouwertl
Rinske Brouwer (fyfde fan rjochts) mei ‘ynterlokale’ kollega-tillefoanistes foar it postntoar oan ’e Twibaksmerk te Ljouwert. Fotograaf: André Lorié, Foarstreek A332, Ljouwert
Rinske Reimers Brouwer, Geertje Harmens van der Ploeg, Schelte Heins Hilarides Hein Lammert Hilarides yn ’e tún fan Lyts Molswert
Rinske Reimers Brouwer yn ’e foarkeamer
Rinske Reimers Brouwer yn ’e foarkeamer fan ’e Albertus Teltingstrjitte 5, te Frjentsjer. Rjochts de  gewillige piano; de foto is makke op har 87ste jierdei, 30-10-1986 troch Atsje Straatsma [?]

XIII.3 FEIKE RINSES BROUWER
XIII.3 Feike Rinses Brouwer * Sjoelema state te Menaam ûnder Bitgum 27-5-1871 † Assen, yn in militêr hospitaal, 6-8-1906, 3.30 oere, [] Assen, mei militêre eare, dat betsjut yn dit gefal trije gewearskotten oer syn grêf hinne; militêr yn Nederlânsk-Ynje, fjochtet yn ’e Atjehoarloch op Sumatra; hy krijt ûnderskiedingen ‘Voor trouwe dienst 1893-1896 Atjeh’ en ‘Voor krijgsverrigtingen 1896-1900 Atjeh’; by syn ferstjerren sûnder berop, domisylje hâldend te Menaam;
relaasje mei:
ynlânske frou, N.N.
Bern:
ien dochter, N.N.
trije jonges, N.N.

§ FERSTOPPE FERLINE
Neffens oerlevering is Feike net troud, mar libbet er yn Indië gear mei in ynlânse frou, in njai: syn húshâldster en bysliep – en mem fan syn bern. In njai falt net ûnder it Nederlânsk Rjocht, se is datoangeande rjochteleas; har man kin sadwaande sûnder wetlike ferplichtingen by har weigean.
Feike hat by syn frou in famke en trije jonges, Indo-Europeeske bern, Indo’s. As er ferdútst dat er sûnder har nei Nederlân repatrieare wol, wurdt earst besocht om him fan syn foarnimmen ôf te bringen troch magise beswarring fia de stille kracht, gûna-gûna.
As dat net slagget, wurdt fynmeald hier yn syn iten dien. In heel hoart nimt Feike dat aloan yn. Dy fine snipperkes sjocht men net en men priuwt se likemin, mar se sille net fertarre en de termen reitsje geheel ferstoppe. Feike moat dêroan stoarn wêze doe’t er krekt yn Nederlân oankommen wie. (PMD)
Sjoch ek: Dido Michielsen, Lichter dan ik, roman; in biografy fan de Javaanse njai Piranti, alias Isah; Hollands Diep, Amsterdam, 2019 ISBN 978 904 884 503 3

Feike Rinses Brouwer
Feike Rinses Brouwer. Fotograaf: C. Halbertsma, Foarstreek 275, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje-Kolleksje Brouwer-Bitgum
Feike Rinses Brouwer portret
Feike Rinses Brouwer. Fotograaf: Strüppert & Van Duyl, Foarstreek C270, Ljouwert
‘Voor trouwe dienst 1893-1896 Atjeh’ en ‘Voor krijgsverrigtingen 1896-1900 Atjeh’
Medaljes fan Feike Rinses Brouwer. Foarkant en achterkant, dêr’t de W fan Koning Willem pronket en de perkaminten ûnderbou bylket. ‘Voor trouwe dienst 1893-1896 Atjeh’ en ‘Voor krijgsverrigtingen 1896-1900 Atjeh’ . Dizze medaljes binne skonken oan Reimer Gerbens Brouwers troch Meine Donker, in beppesizzer fan Janke Grypma, de twadde frou fan Rinse Reimers Brouwer. Reimer Gerbens hat se skonken oan syn omkesizzer Goasse Brouwer en dy op syn beurt oan Erfgoed Fundaasje-Kolleksje Brouwer-Bitgum, oan no ta it bêste plak.
Kaart fan Feike Rinses Brouwer
Kaartsje fan Feike Rinses Brouwer oan syn iennichste omkesizzer Rinske Reimers Brouwer. Syn genegenheid yn omkes prachtich hanskrift troch Rinske har hele leven koestere
Feike Brouwer (twadde fan links) yn Indië mei syn frou, dochter en trije soannen. Op ’e foargrûn in húsfeint

GENERAASJE XIV
XIV.1 GERBEN REIMERS BROUWER II

XIV.1 Gerben Reimers Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 11-11-1886, 15 oere, † Nij Fellingwurd, Menaam ûnder Bitgum 17-2-1961 [] Bitgum r. 16, gr. 3; gernier te Bitgum (Buorren 10), bouboer op Nij Fellingwurd te Menaam ûnder Bitgum (Bitgumerdyk 23); hy hat dêrneist in ‘Lytshannel yn Ierdappels’, mei in fêst lisplak foar in snikke op ’e Nijstêd te Ljouwert.
Ofdielingsbestjoerslid Christelijke Boeren en Tuinders Bond (C.B.T.B.).
Tsjerkeriedslid Grifformearde Tsjerke Bitgum; foarsitter bestjoer Kristlik Nasjonale Skoalle; foarsitter Vereeniging ter bevordering van Christelijke belangen; skriuwer A.R.P. kiesferiening Nederland en Oranje, Bitgum; skathâlder fan it Frysk Forbân yn de Anty Revolusjonaire Partij, sûnt 8-11-1930; yn 1951 mei-oprjochter feriening Ried en Died.
Bestjoerslid Striidboun Fryslân Frij; haadbestjoerslid Kristlik Frysk Selskip; mei-oprjochter fan De Stim fan Fryslân, orgaan fan it K.F.S. (oprjochte yn 1928, ophâlden yn 1941; weroprjochte yn 1945), de earste útjouwer dêrfan is (oant 1941) de Kristlik Fryske Parseforiening, dêr’t Gerben Reimers as bestjoerslid opereart; mei-oprjochter Kristlik Fryske Folksbibleteek.
Gerben Reimers nimt de foarstap ta it oprjochtsjen op 8-11-1929 fan de Kristlik Fryske Krite ‘Karel Roarda’ te Bitgum, skriuwt as foarsitter dêrfan gâns ynliedings.

Mei-oprjochter en foarsitter fan ‘It Bitgumer Formidden’ 1949-1977, dat as doel hat: ‘/…/it befoarderjen fen it doarpslibben, om to kommen ta in geastlik – seedlik – kulturele opbou/…/’, yn it karbrief stiet fierders dat allinne Bitgumers en âld-Bitgumers lid wêze kinne, Bitgummoolsters net.
Organisearret Frysk-histoarise optochten en skriuwt histoarise toanielstikken
x Menameradiel 18-5-1911 Antje Dirks van der Schaaf (Anne) * Bitgummole 26-8-1886 † Ljouwert, Diakonessehûs, 15-4-1957 [] Bitgum r. 16, gr. 4; gerniersfrou mei mandaat te Bitgum; bouboerinne op Nij Fellingwurd; bestjoerslid fan ’e Bitgumer sindingsnaaikrâns; dr fan Dirk Arjens van der Schaaf, ierdappelkeapman en bouboer te Bitgummole (J.H. van Aismawei 84), bestjoerslid wetterskip Engelumer Polder; lid Burgerlijk Armenbestuur Menameradiel foar Bitgum; lid earmfersoargjend kolleezje ‘Nederduits Gereformeerde Gemeente Beetgum’ (Dolearende Gemeente, beneamd by de stichting dêrfan op 21 maart 1888), tsjerkeriedslid Grifformearde Tsjerke Bitgum, en Baukje Doekeles de Boer
Sjoch: De neiteam fan Durk en Baukje (út weinmakkers ta keaplju en oare fûels) Utflein fan Bitgummole oant Bagdad en fan Dyksterhuzen oant Lillydale; eigen behear De Kommisje, Bitgummole, 1986

Bern:
1 Reimer Gerbens Brouwer, folget XV.1
2 Dirk Gerbens Brouwer (skriuwt himsels Durk) * Menaam (op ’e Bitgumer terp) 16-5-1913 † Bitgum, De Tolve 9, 9-3-1986 [] Bitgum rigel 16, grêf 4; frijwilliger by it Frysk Bataljon yn Indonesië, (korporaal, 1e Kompanjy 1-9 R.I.-Rezjimint Ynfantery); sûnt 1947 bouboer op syn âlderlike pleats; fan 1963 oant it opdoeken op 31-12-1971 foarsitter wetterskip De Trije Doarpen; bestjoerslid iisferiening De Trije Doarpen.
Durk en Nynke wenje nei it ferstjerren fan har heit mei har beiden op ’e pleats, Durk is boer, Nynke bliuwt yn ’e foarein. As Nynke mei har freondin Leny Hettema omstrings 1965 nei De Blije Werelt fertrekt, komt as húshâldster by Durk op ’e pleats
Baukje van Dokkumburg
 * Berltsum 29-12-1920 † 30-8-1999 [] Berltsum; dr fan Anne Jans van Dokkumburg, túnman en gernier te Berltsum, fan 26-11-1921 oant 20-3-1929 gernier te Lekkum, sûnt gernier en fokker fan fûgelfee te Berltsum, en Hendrika Minderts Zwart

Dirk Gerbens Brouwer- pasfoto’s
Durk Brouwer. Fan ’e lêste pasfoto is de fotograaf: Foto Bleeker, Foarstreek 68, Ljouwert
Dirk Gerbens Brouwer, 1946
Dirk Gerbens Brouwer. Fotograaf: Bleeker, Ljouwert, 21-8-1946
Ierdappelwjûde yn it Hoarslân. Twadde fan links: Durk Brouwer.
Ierdappelwjûde yn it Hoarslân. Twadde en en tredde fan links: Piter en Durk Brouwer. Wa wit wa’t de oaren binne? Fotograaf: Kampen, St.-Anne
Durk Brouwer foar Nij Fellingwurd
Durk Brouwer is in hûneleafhawwer. Yn ’e tún foar de pleats
Durk Brouwer. In listje fan syn kij
Durk Brouwer neamt syn kij nei syn húshâldster Baukje van Dokkumburg en har broers en suster: Jan (* Berltsum 1919), Mindert (* Lekkum 1923), Maaike (* Lekkum 1925), Lourens (* Lekkum 1927) Popke en Bauke (* Berltsum 1931); Tjitske (* Berltsum 1929) ûntbrekt hjir
Durk Brouwer foar de pleats yn sneinske klean
Durk Brouwer yn ’e homeie foar de pleats yn ferklaaiersklean, klear om derop út? 1963
Durk Brouwer op ’e trekker.
As Durk Brouwer fan ’e pleats is, op ’e Kamp te Bitgum wennet, de auto ôfskaft hat, rydt er op syn Fergusontsje troch ’t gea – de gefaresône foarby
Grêfsark fan Durk Gerbens Brouwer
Durk Brouwer is beïerdige yn syn memmes grêf. Hjir it sarkje en dêrachter de sânstiennen sarken fan Gerben Reimers II en Anne Durks van der Schaaf. Yn 2002 binne de Brouwersgrêven op rigel 16 fernijd

§ TWA KEAR TRIJE DOARPEN
Durk Gerbens Brouwer is foarsitter fan sawol Wetterskip De Trije Doarpen as de iisklub mei deselde namme. Trije stiet foar Bitgum, Bitgummole en Ingelum. De earste notulen fan it wetterskip binne fan 1907 en de offisjele oprjochtingsdatum is 23 augustus 1911. 

By de oprjochting is ien fan ’e bestjoersleden in âldomke fan Durk, Jitze Harkes de Jong, troud mei Folkje Gerbens Brouwer (XII.1.4).
Durk Brouwer is foar beide kolleezjes in tûk foarsitter en hâldt er it droech, mar yn ’e praktyk makket er as boer wolris wiete fuotten en reedride kin er gewoan net: in Brouwerskwaal sogeseid, slappe ankels. Brouwer is wol altyd fan ’e partij, op klompen.
Namgenoat Durk Reimers sit allyksa in skoft yn it bestjoer fan ’e iisklub, lykas ek oar neiteam fan Gerbens Reimers I.

Brouwer Iisferiening
Tagongsbewyske; linksom of rjochtsom: eigen taal
Iisklub De Trije Doarpen Bitgum - wedstryd mei sliden

By Iisklub De Trije Doarpen wurdt net allinne riden, ek belslide en besocht te slydzjen mei mear gewoane sliden. It giet net altyd as ’t slydjaget. Achter de slide links: Gryt Terpstra. Gerben Jitzes de Jong (midden) hâldt it spul sawat yn ’e gaten?

Fan it wetterskip De Trije Doarpen skriuwt neef Reimer van Tuinen in kronykje: Libbensrin fan in sechstich jierrige – Blomlêzing út sechstich jier notulen fan it wetterskip ‘‘De Trije Doarpen’’ 1911-1971, mei in taljochting fan ’e lânnammen; eigen behear, Bitgum, 1971.
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

3 Arjen Gerbens Brouwer, folget XV.2
4 Doekele Gerbens Brouwer, folget XV.3
5 Pieter Gerbens Brouwer, folget XV.4

6 Nynke Gerbens Brouwer, nammeferoaring fan Trijntje yn Nynke, beskikking Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 29-11-1945 * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 24-7-1922 † Ljouwert, Parkhove, 7-6-2015, 92 jier, [] Bitgum rigel 10, grêf 5; skriuwster It Bitgumer Formidden; húshâldlik meiwurkster û.o. by it protestansk kristlik kongressintrum De Blije Werelt te Lunteren en yn Noard Amearika; haad breakeuken rêsthûs De Schutse te Amsterdam; letter wenjend oan it Skieppedykje te Ljouwert, sûnt 2004 dêr yn Swettehiem, letter yn Parkhove dêr;
sjoch:
Erfgoed Fundaasje – Byldzjend wurk – Nynke Brouwer
wennet sûnt 1963 mei Magdalena Hettema (Leny) * Menaam ûnder Bitgum (Berltsumerdyk 18) 26-5-1922 † Ljouwert, Skieppedykje 11-2-2005, 82 jier, [] Bitgum, rigel 10 grêf 4; mei-oprjochter en foarsitter kristlike gymnastyferiening Troch Oefening Sterk (TOS) te Bitgum; bestjoerslid Bitgumer Formidden; âlderling Grifformearde Tsjerke Amsterdam en Ljouwert; administratrise op ûnderskate plakken, ûnder oaren by it protestansk kristlik kongressintrum De Blije Werelt te Lunteren, idem yn Noard Amerika en yn rêsthûs De Schutse te Amsterdam, letter wenjend oan it Skieppedykje te Ljouwert; dr fan Tjitze Hettes Hettema, boer en ierdappelkeapman en –eksporteur te Bitgum en Ljouwert, dir. Hettema Zonen N.V., en fan Geertruida Hermanus Offringa (suster fan Anna XV.3)

Baukje en Nynke Gerbens Brouwer
Bauk en Nynke Brouwer op ’e homeie foar Nij Fellingwurd
Nynke Gerbens Brouwer, 1946
Nynke Gerbens Brouwer. Fotograaf: Bleeker, Ljouwert, 21-8-1946
Leny Hettema
Nynke Brouwer, Leny Hettema en Rom Hannema flinterknippe op ’e Ljouwerter Nijstêd
Nynke Brouwer, Leny Hettema en Rom Hannema flinterknippe op ’e Ljouwerter Nijstêd

PLOEGJE

Foar muoike Nynke

Dat ienlik is
dat nuete grousum net bedike
dy fette en onreppelikste klaai
dat bûtlân is
en dan dyn erfelike wolbetochtsumens
dy’t yn dyn dieden is

o God lis hjir
ús onbereppelike leafde
yn ús fuorgen del


7 Baukje Gerbens Brouwer 
(Bauk) * Nij Fellingwurd te Menaam ûnder Bitgum 6-12-1923; bouboerinne op Lyts Aysma;
x har neef Reimer Rientses Wartena * Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummle 27-2-1920; bouboer op Lyts Aysma; gemeenteriedslid fan Menameradiel foar de Frysk Nasjonale Partij; oprjochter fan de politike partij Oerein; sn fan Rients Joukes Wartena, greidboer op Andringa state te Marsum, bouboer op Lyts Aysma te Bitgummole, en Brechtje Reimers Brouwer, bouboerinne op Lyts Aysma
Sjoch foar neiteam: Genealogy Wartena – 

Baukje Gerbens Brouwer en Reimer Wartena troufoto
Bauk Brouwer en Reimer Wartena

Lieteboekje by de brulloft fan Bauk Brouwer en Reimer Wartena.
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Baukje Gerbens Brouwer en Reimer Rientses Wartena
Nynke en Baukje Gerbens Brouwer, Antje Dirks van der Schaaf en Gerben Reimers Brouwer II
Antje Dirks van der Schaaf en Gerben Reimers Brouwer II
Brechtje Reimers Brouwer en Rients Joukes Wartena
Reimer Gerbens Brouwer III en Rimkje Hannema
Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong
Doekele Gerbens Brouwer en Anna Hettema
Nynke Gerbens Brouwer en Jantje Harmens Andringa
Maaike Arjens van der Schaaf en Magdalena Tjitzes Hettema
Jouke en Gerben Wartena
Trijntje Harmens Andringa en Christiaan Wytses Spoelstra
Richtje Synes Nauta en Siebe Harmens Andringa
Anskje Wartena en Rein Boomgaardt
Rients Wiersma, Aaltje Wartena en Okke Wiersma
Aaltje Jans Bruinsma en Maaike Arjens van der Schaaf
Trijntje Pieters van der Schaaf, Gerbrich Sjoerds Reitsma en Maaike Arjens van der Schaaf
Lars Sieds Okkes Wiersma, Rients Okkes Wiersma, Maeike Reimers Brouwer, Geartrude Doekeles Brouwer en Gerben Reimers Brouwer III

By gelegenheid fan ’e trouwerij fan Reimer en Bauk wurdt in fotoreportaazje makke. Klik op ’e earste foto om de rige te sjen.

§ GERBEN REIMERS BROUWER DE MILITÊR
Gerben Reimers Brouwer is grenadier en sit allyksa yn ’e moblisaasje. As Piter Jelles Troelstra de revolúsje útropt, is Gerben ien fan ’e mannen dy’t de anty-revolúsje preket en dêrneffens opereart: hy lûkt de koets fan Wilhelmina op 18 novimber 1918 op it Malyfjild te Den Haach.
As Wilhelmina 14 maaie 1940 nei Ingelân flechtet – net útwykt, sa’t skiedskriuwing ha wol – is de persoanlike en politike leafde by Gerben foar har en God-Nederland-en Oranje oer.

Anne van der Schaaf hat dit portret fan har grenadier ynliste (hjirboppe útfergrutte, hjirûnder wiere grutte). Fotograaf: Wagenstraat P380, Den Haach?

Dizze deafalplaatsjes hjirûnder wurde ek wol identifikaasje- of herkenningsplaatsjes neamd. It binne ID-identifikaasjedokuminten (Identiteisdokuminten), ek wol neamd PSU-kaartsjes: Persoonlijke Standaard Uitrusting. Se binne fan bien makke (58×32 mm) en as sadanich bestand tsjin fjoer. Letter wurde se fan metaal. De militêr hat dizze deafalplaatsje om ’e hals en is er fallen, dan wurdt syn omskot sa’n plaatsje yn ’e mûle stutsen of om ’e nekke bûn. Opskrift: Brouwer/Gerben 1141-3e Batal[jon] LW GJ Sol[daa]/Menaldumadeel/Friesland./11-11-86/Ger//Milicien 1906 (jier fan opkomst?)/R.G.J./700065. Ofbyldingen binne op wiere grutte

Deafalplaatsjes Gerben Reimers Brouwero
Deafalplaatsjes fan Gerben Reimers Brouwer II, foar- en achterkanten

Gerben Reimers jr lidmaatskip Jongelingsfer Militêren
Gerben Reimers II is lid fan de Jongelings Vereeniging van Militairen van Gereformeerden Huize te Den Haach. Hy is yn 1906 nei de Bûnsdei te Rotterdam. Mei potlead skriuwt er: haw nei Rotterdam west mei noch oare Friezen

Gerben Reimers II en syn soannen binne gjin wyldsjitters, se ha dêrfoar har fêste jagersfolk. Oan in fergunning leit it net. Ite fan eigen hazze, hofdo, ein en fazant, is it húsgesin likemin gesind – behalve Durk en Doekele dan.
Nee, sels op wyld jeie sit der by dizze Brouwers net yn. Har roppe oare jachtfjilden.
Yn St.-Jabik hat Doekele ek eigen jagers op syn lân. Lykwols, in kear sil er mei syn jonges fan in jier as alve dan alris sels te jeien. Sjen hoe’t it giet. Midden achter yn ’e pleats op De Bodde tsjin de Griene Dyk oan dûkt in fette hazze flak foar har út syn leger yn ’e kluten op. It dier sit in amerij deastil, roerleas, de lange earen spitst. Doekele lûkt de trekker oer. It gewear dat sit op ’t slot. It hazzehapke fertrokken. Doekele mompelet wat sunichwei en seit: Kom jonges – en se teie ôf, de lange reed nei ’t hiem werom. En se ha noait wer foar wyld op jacht west.
Doekele wol of kin ek net sels slachtsje, de jagers bringe hazze en fazant foar de feestdagen kant en klear yn ’t achterhús te plak. Syn opslûpen jonges Roymer en Goasse sille it slachtsjen al besykje. Se krije fakkundige ynstruksjes fan ’e âld-gedynden Wigle en Jehannes Hiemstra te Bitgum. Mei Roymer is it niks gedaan, hy kin dat bluodderich gedoch net oansjen. Goasse hat minder Brouwersbloed yn dizzen, hy hellet yn in pear halen hânsum de haskes skjin út har fel, à la de Hiemstra’s.
Ek Doekele syn dochters en soannen ha gjin animo om it wyld op har lân op te driuwen en om te lizzen. Om it wyldbestân te behearskjen, lizze se de útfiering fan dy taak yn hannen fan oare natuerleafhawwers. Mar as yn letter tiden te Bitgum ien fan dy-en in hazze út syn auto wei de kûgel jaan wol, jout Doekele de man dien.

Brouwer Gerben Reimers Jachtfergunning 1
BROUWER Gerben Reimers Jachtfergunning 2
 

§ FERLOVINGSTIID EN SA

Antje Dirks van der Schaaf
Antje Dirks van der Schaaf.  Fotograaf: I.H. Slaterus, Ljouwert

Anne liket hjir sprekend op har jongste suster Mine – Trijntje, op ’e selde dei as Anne en Germ troud mei Miente Popkes Bakker, dan mei-direkteur fan moadehûs P.S. Bakker te Ljouwert. Oer de bern fan Mine en Mient Bakker-van der Schaaf is ferskynd fan de sjoernaliste Toni Boumans: ‘Je mag wel bang zijn, maar niet laf’ – De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker; Uitgeverij Balans, Amsterdam; 2021 ISBN 978 94 638

Op âldere leeftyd liket Anne as twa druppen op har âldere suster Sieuwke (Sjo), troud mei Sjoerd Yebs Reitsma, greidboeren op Weakens ûnder Winsum. Dêr binne sprekkende foarbylden fan.
Anne har âldste soan Reimer-en-dy ferhúzje yn 1956 nei Luttelgeast yn ’e Noard Oast Polder. Anne ferstjert yn 1957, har suster Sjo komt yn datselde jier út Weakens yn ’e Polder op besite by Reimer en Rom en de bern, se is dan útfanhûs by har soan Yeb Tjalling en Reinschkjen Boersma, dy’t ek yn Luttelgeest buorkje.
As muoike Sjo it keale paad nei ’t hûs delrint seit se: O, o! Wat in paradyske!
Durk de jongste fan Reimer en Rom is dan trije, hy keutelet achter har oan en wat om har hinne, sjocht nochris en nochris en seit op ’t lêst: Hoe wie ’t by de Heare Jezus beppe?

Itselde oerkomt Sjo as se oansjoen wurdt foar har ferstoarne suster Anne yn dy snuorje by in famyljebesite te Bitgummole en dêr oer de dyk giet. As Tine Harkema-Strikwerda har dêr sjocht skrikt dy har hast dea: Oe! Dêr rint frou Brouwer wer!
(MRB, NRB, THS)

Gerben Reimers Brouwer II ferlovingsportret
Gerben Reimers Brouwer II
Gerben Reimers Brouwer en Antje Dirks van der Schaaf - ferlovingsportret
Ferlovingsportret fan Gerben Reimers Brouwer en Antje Dirks van der Schaaf. Fotograaf: Obbema & De Bruin, Ljouwert, Snits
Undertroukaart fan Gerben Reimers Brouwer en Antje Dirks van der Schaaf
 
 

§ STÂNSFERSKIL OF ONGELIKENSE BEHANNELING
Anne Durks van der Schaaf is kammeraatske mei har lettere skoansuster Brechtsy Reimers Brouwer en har folle nicht Maaike Gerbens van der Schaaf. Se sille freondinnen bliuwe foar har hele libben.

Portret Maaike Gerbens van der Schaaf, Brechtje Reimers Brouwer, Antje Dirks van der Schaaf
Maaike Gerbens van der Schaaf, Brechtje Reimers Brouwer en Antje Dirks van der Schaaf. It ferskil yn foarnamens is hjir net oan ’e jûpen ôf te sjen. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits

In kear gean se mei de tram nei Ljouwert. Yn ’e tram skiede har wegen. Anne en Brechtsy nimme in sit yn ’e Earste Klasse, Maaike yn ’e Twadde. Maaike har soan Gerben Nannes Groenewoud skriuwt dêroer yn syn Memoires (oerset):
‘Mem fertelde my ris dat har twa kammeraatskes, Brechtsje en Anne, har o sa op ’t sear kommen wienen. Se hienen beide noch al in air en koenen betiden tige snobbistysk út ’e hoeke komme. Se wienen fan in hegere stân en yn goede dwaan. Brechtsje har heit wie in ûnôfhinklike, begoedige bouboer; Anne wie in dochter fan omke Durk, dy’t eksporteur fan ierdappels wie. Beide heiten wienen ek foaroansteande tsjerkeriedsleden; mar mem har heit wie in gewoane nearingdwaande, skuonmakker, mei gjin geloofspapieren en boppedat behoarlik oan ’e drank.

Op in kear wie der in jongereinmeeting yn ’e stêd en de trije fammen gongen dêrhinne. By de herberch dêr’t de tramhalte wie, kochten se kaartsjes. Mem fernaam net dat har twa kammeraatskes Earste Klasse-kaartsjes kochten; mem kocht lykas wenst in kaartsje foar de Twadde Klasse. Doe’t de tram der wie, stapten har freondinnen yn ’e Earste Klasse, lieten har allinne en sy gong mei oare jongelju yn ’e Twadde Klasse-kûpee. Se hie har yn ’e steek litten field en dat hie har o sa kwetst. Yn Ljouwert hie se mei de arbeidersfamkes oplutsen. Mar se hie in miserabele dei en fergeat dy mislediging noait. Dit gebeurde yn 1907 of 1908.
Doe’t mem my dit om 1932 hinne fertelde, hie ik de yndruk dat it like dat se sûnt har lette tinerjierren lijd hie oan in minderweardichheidskompleks. Ik frege muoike Hike [suster fan Maaike] at dy wat oer dit foarfal wist. Dy antwurde: ‘‘Seker, dat heucht my noch skoan, de froulju hienen in ôfspraak en soenen twa jongfeinten treffe. Jim mem hie der absolút gjin smjucht op om mei jonges om te slaan en de famkes hienen der gjin nocht oan om har derby as fyfde tsjil oan ’e wein’’.’
Boarne: Nanne Groenewoud, A personal history of the Groenewoud family, eigen behear, Amsterdam 1994, side 93 (ek yn omloop mei de eardere wurktitel: The Memoirs).

Desennia letter hat Anne tagelyk by har op besite har nijbakken skoandochter Japke Graanstra, krekt troud mei Piter, en har oansteande muoikesizzer Henny Nicolai, ferloofd mei Reimer van Tuinen. Beide froulju binne frjemde einen yn ’e Bitgumer byt, it binne Wâldsjers. Japke komt fan Haulerwyk, djip út ’e Wâlden; Henny is fan Twizel, wat minder frjemd –  ek yn tongslach. Boppedat is Japke har heit arbeider, Henny harres boer.
As Anne in nije jurk sjen litte sil, nimt hja Henny mei nei de kleankast achter en lit hja Japke yn ’e keamer sitte.
Henny fielt dy behanneling jierren letter noch oan as in ferskil yn stân en woe wol dat se solidêr mei Japke west hie.
Trouwens, it stoflike – it berop fan de heit – wurdt hjir blykber boppe it geloof steld: Japke is fan ‘goed’ grifformeard komôf, Henny is ‘poer’ frijsinnich.

Anne komt út in skaai fan gerniers; har heit, Durk Arjens van der Schaaf, hat him oparbeide ta gerenommeard ierdappelkeapman en wolsteld bouboer. Soks is in eigenaardich psychologysk-sosjaal ferskynsel: as bern út lagen fan ‘minder komôf’ har ‘opwurkje’ , kinne se in sucht nei macht, jild en stân ûntwikkelje; dat spile net allinne yn foargeande iuwen.
Anne har man Gerben Reimers wie foar it each net behept mei rang en stân. Reade soan Reimer skriuwt dêr yn dit ferbân oer:

Us heit hat as boer oars gjin namme hân. Dêr wie hy ek net op út. By ús mem lei dat even oars. Dy fûn it wol fijn om boere-frou te wêzen. /…/ Us mem wie gjin strider – in Van der Schaaf, en hoe is ’t mooglik, gjin strider – mar wol in leave frou. En ik hie net graach in oare heit en mem hawwe wollen.
Boarne: De neiteam fan Durk en Baukje, eigen behear, Bitgummole, 1986, side 80/81

Ek Brechtsje reizget altyd Earste Klasse. By it ynstappen sjocht se dat Japke Faber, de mem fan ’e Bruorren Hogerhuis yn ’e Twadde Klasse giet en dêr wol se mei prate oer de gong fan saken fan Wybren, Keimpe en Marten. Se seit har dochter Dukke dat dy Klaske ophelje moat – Japke komt en yn ’e Earste Klasse betellet Brechtsy foar Japke by. (DSvdS)

By Brechtsje har mem, Nynke Gosliga, is it melken te min, se wol net ha dat har jongste dochter dat leart, dat moatte je net yn ’e hân wurkje: ‘Dan kìn se it letter ek net!’

§ BUORREN 10 TE BITGUM – IN STAMHÛS
Reimer Gerbens en Nynke Gosliga genierkje te Bitgum en wenje yn ’e Buorren op nûmer 10.

Buorren 10 op ’e terp te Bitgum mei hast wol in stamhûs hite. Hjir is in hele smite Brouwers geboaren, sechstjin yn tal: Durky, Brechtsje en Gerben Reimers Brouwer; Reimer, Durk, Arjen, Doekele, Piter en Nynke Gerbens Brouwer; Maeike, Gerben, Jehannes Ulbe, Anne, Nynke, Hike en Durk Reimers Brouwer. Piter Gerbens Brouwer en Japke Graanstra wennen hjir mei har bern Gerben, Geartsje, Anne en Ynse.
As dy nei St.-Jabik ferhúzje wurdt it hûs ferkocht oan achternicht Fokje Hylkes de Jong (beppesizzer fan Folkje Reimers Brouwer) en har man Wypke Algera. 
Oant 1963 is dit Menamer doarpsgebiet. Yn offisjele dokuminten stiet sadwaande as berteplak Menaam opjûn.
It hûs is set troch Rinse Beerts Gelder * Alde Leie ûnder Hallum 6-9-1794 † Bitgumer terp 10, 19-12-1857, troud mei Jetske Sybes Sybesma; molemakker en oerwurkmakker; in astronomysk oerwurk fan him út 1834 stiet yn it Keninklik Hûsargyf te Den Haach, in dito út 1853 is yn ’t Frysk Museum te Ljouwert. Rinse Bearts is in omke fan Beert Johannes Gelder (ek: Beernd, Berend) * Dronryp 8-2-1804 † Aldtsjerk 2-7-1870, klokmakker te Aldtsjerk; fan him is allyksa in astronomysk oerwurk yn ’t Frysk Museum.

Gerben Reimers II lit it hûs yn april 1939 ferbouwe troch de Firma Koopmans & Zn te Bitgum. Dat binne Pieter Sytzes Koopmans (* Berltsum 1862) en syn soannen Crispinus Carel (* Menaam 1899) en Petrus Johannes Wijbrandus (* Menaam 1904).
Reimer Gerbens III en Rom Hannema komme deryn as se trouwe op 11 july fan dat jier.

Hjirûnder de blaudruk: Plan voor het verbouwen van een woonhuis te Beetgum [no 91] voor den hr G.R. Brouwer o.d. Menaldum.
Fa. Koopmans & Zn. Beetgum – April 1939.

Buorren 10 te Bitgum - stamhûs
Anne Durks van der Schaaf middenmank muoikesizzers. Arjen en Durk foar har en Doekele op ’e earm fan Bauk Arjens van der Schaaf. Dêrneist Nanke Piters van der Schaaf en Hiltsje Schaap, de faam. Rjochts fan har Leen Piters van der Schaaf, Jikke Arjens van der Schaaf en neist har Aal Jans Bruinsma.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Buorren 10, de tredde fan rjochts yn ’e wite oerstrûper is Reimer Gerbens Brouwerjonge f
Buorren 10, de tredde fan links yn it wite oerstrûperke is Reimer Gerbens Brouwer III
Reimer, Dirk en Arjen Gerbens Brouwer
Reimer, Dirk en Arjen Gerbens Brouwer
Reimer, Durk, Arjen en Doekele Brouwer
 Reimer, Doekele, Arjen en Durk Brouwer, yn 1918. Fotograaf: De Bruin, Ljouwert
Piter, Doekele, Arjen, Durk en Reimer Gerbens Brouwer yn ’e foartún fan ’e pleats oan ’e Menamerdyk ûnder Bitgum. Fotograaf: Van der Peijl, Nijesteech 6, Ljouwert
Piter, Doekele, Arjen, Durk en Reimer Gerbens Brouwer yn ’e foartún fan ’e pleats oan ’e Menamerdyk ûnder Bitgum. Fotograaf: Van der Peijl, Nijesteech 6, Ljouwert
Gerben Reimers Brouwer, fiif soannen te Skalsum
De fiif bruorren oan ’e Skalsumerdyk te Frjentsjer by Reimer Gerbens III op 12 april 1981 as dy 69 jier wurdt – Krekt lytse bern

§ GERNIER EN LYTSHANNELER YN IERDAPPELS
Mei har trouwen begjinne Gerben Reimers en Anne mei de gernierkerij en in lytshannel yn ierdappels, op ’e Buorren 10. Har bedriuw is ek oansletten by de Nederlandsche Groenten- en Fruitcentrale, Laan Copes van Cattenburch 62 te Den Haach.
Fan syn pake Gerben krije se lân yn hier oer. Gerben Reimers I freget dêrta tastimming fan ’e lânfrou Ulbine Jeanne barones thoe Schwartzenbergh en Hohenlansberg, troud mei Jan Anne baron van Till, te Hilversum.
Sjoch: Ulbine Jeanne thoe Schwartzenberg

Gerben Reimers sr brief oan barones Van Till
De brief fan Gerben Reimers I oan Ulbine Schwartzenberg, 11-10-1900
Gerben Reimers Brouwer sr antwurd baron Van Till
Gerben Reimers Brouwer sr antwurd baron Van Till
It antwurd fan Ulbine en har man komt al in wike letter, 7-10-1910
De Stille Kant fan ’e Nijstêd te Ljouwert. Fotograaf: G. Roë Jzn, Leesbibliotheek, Boek, Papier- en Kunsthandel, Ljouwert. Klik op ’e foto foar fergrutsjen
Gerben Reimers Brouwer briefpapier

Gerben Reimers Brouwer hat foar syn Lytshannel yn Ierdappels in fêst lisplak foar in skip oan ’e Stille Kant fan ’e Nijstêd te Ljouwert. Foar him ferfiert Jelle Dijkstra de konsumpsje nei de Ierdappelmerk – op ’e foto hjirboppe syn snikke links foaroan.
Dêr fuortby is in kroech dy’t it Bitgumer Kertier neamd wurdt. De kofje is dêr in stoer, de kastlein ferheget dat nei seis sinten. Guon Bitgumers wolle net mear betelje as fiif en krije dan foar in sint minder kofje yn ’e kop. (DSvdS)

Gerben Reimers Brouwer Brievehaad
Op ’t lêst is alles gewoan yn it Frysk, fan brievehaad oant ierdappellabel. Gewoan? Net allinne yn dy tiid in útsûndering – trochdriuwerij seit de hannel

§ DEUGDEN
Reimer Gerbens II hat each foar de kwaliteiten fan syn meiminsken. By him arbeidet Marten Sjoerds de Vries, in by útstek hynsteman. Marten Sjoerds hat ambysjes: hy wol foar himsels in fuormanderij opsette. Reimer stipet him finansjeel en dat slagget – M.S. de Vries & Zn wurdt yn 1910 oprjochte. De Brouwers hâlde in hechte bân mei Marten Sjoerds, dy is betiden wat koartamich en Gerben II sit dêr dan mar wat oer yn. Soan Jelle de Vries, sûnt 1960 direkteur fan ’e firma, en syn frou Minke van Wieren binne jierrenlang grutte stalken fan Durk Brouwer en Baukje van Dokkumburg.

Hjirûnder in rekken fan it affearen fan Marten Sjoerds:

De soan fan Hessel van der Ploeg kin goed leare, Reimer finansiert foar in part de jonge syn normaallessen.
Hessel van der Ploeg is as fêste arbeider fan heit Reimer Gerbens oergongen op soan Gerben Reimers. De mannen kinne wakker prate, Hessel is allyksa bejeftige mei lyrise gaven. Op in minne dei yn 1936 moat er sitte fanwegen te yntime omgong mei jonges. As er yn desimber frijkomt, doart er net nei Gerben om wer om wurk te freegjen. Gerben giet nei him ta. Hessel komt wer fêst by de Brouwers yn ’e beage – hy dichtet letter ûnder de bedriuwen troch:

As immen tûzen deugden hie,
en ien misdied begie,
de deugden sil men gau ferjitte,
de misdied ropt men him temjitte.
Hessel van der Ploeg is ien fan ’e arbeiders fan ’e Brouwers dy’t himsels anargist neamt.
Yn 1897 makket de Bitgumer fjildwachter Hendrik van der Laan foar boargemaster Willem Adriaan Bergsma in list op mei oanhingers fan Ferdinand Domela Nieuwenhuis en fan Pieter Jelles Troelstra. Hy foeget Hessel by de earsten. Bergsma stjoert dy list op nei de prokureur-generaal by it Gerjochtshof te Ljouwert. De arbeiders binne yn ’e gaten hâlden, se wurde beskôge as in bedriging foar de sittende macht.
As Hessel mei de jonges fan Gerben dagenlang op it lân leit te wjûden, seit er hele stikken út de geskriften fan Multatuli op. En hy is de iennichste arbeider yn dat opsicht net.

Multatuli

Personalia:
Hessel Jans van der Ploeg * Froubuorren 17-5-1869 Ljouwert, wenjend te Bitgum 4-11-1939, 70 jier, [] Bitgum rigel 36, grêf 5 (earme grêven); by syn trouwen arbeider te Bitgum, yn 1928 te St.-Anne, letter by de Brouwers te Bitgum; sn fan Jan Beerends van der Ploeg, arbeider te St.-Anne en Froubuorren, en Akke Hessels de Vries (Akke kin net skriuwe);
x Menameradiel 25-4-1895, 25 en 19 jier, Klaaske Thomas Althuis (Klaske) * Bitgum 19-8-1875 † dêr 31-1-1939, 63 jier, [] rigel 28, grêf 9; by har trouwen sûnder berop te Bitgum, dêr letter arbeidster, idem by de Brouwers; dr fan Thomas Pieters Althuis, arbeider te Bitgum, ûnder oaren by de Brouwers, en Lijsbert Theunis Hager
Bern:
1 Thomas van der Ploeg * Bitgum 13-10-1895 † 18-4-1973, 77 jier, [] Bitgum rigel 28, grêf 9; arbeider te Bitgum by de Brouwers en de Hettema’s (bynamme: Thomes Kyp);
x Menameradiel 22-7-1920, 24 en 29 jier, Renske Aukes van der Wal * 10-10-1890 † 22-1-1975, 84 jier, [] Bitgum rigel 28, grêf 9;
2 Jan van der Ploeg * Bitgum 14-9-1901 † Assen ; yn 1919, ’20 ûnderwizer te Deventer, yn 1921 te Murns en Bakhuzen, te Wolvegea, Penjum, learaar oan ’e ULO te Grou, dêr haad, allyksa te Gieten en Grins; x It Bilt 31-5-1923 Elisabeth Tolsma.
Jan syn stúdzje oan ’e Normaalskoalle te Deventer wurdt foar in part bestuivere troch Reimer Gerbens Brouwer II.
Jan van der Ploeg
skriuwt yn 1930 it berneboek  Torda de Sigeunerhoun (en yn 1952 in ferfolch De soan fan Torda). Net allinne Jan syn heit, mar ek de Brouwers binne dêr bliid mei, wol wat grutsk op: it boek komt fuort út har fermidden.

Ek de famylje fan Hessels Klaske, de Althuzen, binne anargist, anty-tsjerks en arbeidzje by de Brouwers en Hettema’s. Dy ha graach sokke opperteurs yn ’t wurk, dat leveret ek hele diskusjes op. Se tsjûgje oer en wer, binne net sasear út op óertsjûgjen – dat is toch onbegongen wurk.
Personalia:
Thomas Jans Althuis * Bitgum 6-9-1866 † dêr 5-9-1948, 81 jier; arbeider, letter gernier te Bitgum; sn fan Jan Pieters Althuis, arbeider te Bitgum, en Antje Antoons de Glint (Antsje kin net skriuwe);
x Menameradiel 26-5-1892, 25 en 26 jier, Grietje Dirks Koopmans * Bitgum 5-9-1865 † dêr 24-1-1944, 78 jier, [] Bitgum rigel 20, grêf 4; dr fan Dirk Andries Koopmans, gernier te Bitgum, en Hendrikje Haitses Haitsma (Hinke kin net skriuwe);
Thomes en Gryt ferfarre op 18-4-1903 mei de húshâlding nei de nije koloany Nieuw Harmonie yn ’e Horstermeerpolder, beëasten Nederhorst den Berg, in dependânse fan ’e koloany Walden fan Frederik van Eeden, dy’t dit ûndernimmen opset mei jild fan syn heites erfdiel. Hy keapet healân en greide yn ’e krekt droechleine polder foar f 14.000,00; dêrby hat er in opsje fan sa’n 20 hektare lân dêrneist. Hy skriuwt oan syn mem: ‘Het kan er een heel dorpje worden over een jaar of vijf.’
Nanne de Boer sil bedriuwslieder wurde en syn twa sweagers Bouke Rypma en Sybren Andele foarearst neiste meiwurkers.

Sjoch: Johan Frieswijk, Friese kolonisten in de Horstermeerpolder, Tussen Vecht en Eem. Tijdschrift voor regionale geschiedenis 21 (2003) 1-2, 45-54.

Grêfskrift op it hôf te Bitgum (de lizzende sark is dellein):
RUSTPLAATS/VAN ONZE/BESTE OUDERS/THOMAS ALTHUIS/geb. 4 april 1844/overl. 15 Juni 1912/
LIESBETH HAGER/ geb. 27 aug. 1841/overl. 14 febr. 1922/Hunne kinderen/
HJIR RÊST/ÚS BÊSTE FROU EN MEM/ KLAASKE TH. ALTHUIS/berne 19 July 1875/stoarn 31 Jan. 1935/H. v.d. Ploeg en bern./

Frederik van Eeden
Frederik van Eeden

Sjoch: Frederik van Eeden, utopysk profeet en herfoarmer

Yn ’e kommune sil arbeide wurde op koperative basis en net op kommunistyske. Om de harmony te bewarjen wurde kolonisten selekteard. Mar it eksperimint slagget net. Boppedat is de grûn te skraal foar it bouwen fan griente en ierdappels. Van Eeden ferkeapet yn 1907 Walden en syn oanpart yn Nieuw Harmony – neamd nei New Harmony, yn 1825 stichte yn Noard Amearika troch de Skotse fabrikant Robert Owen.
Thomes en Gryt komme nei fiif jier op 2-7-1907 teloarsteld mei de bern yn Bitgum werom. De soannen Durk en Anders arbeidzje tenei by de Brouwers en Hettema’s, Anders wurdt letter gernier.
sjoch: Walden in droom en daad

Personalia:
-Dirk Althuis * Bitgum 12-3-1898; arbeider te Bitgum;
x Menameradiel 20-5-1925, 30 en 28 jier, Grietje Hiemstra * Bitgum 18-9-1896; dr fan Pieter Jacobs Hiemstra, arbeider te Bitgum, en Tjitske Sybrens van Dijk
-Andries Althuis * Menaam (Bessebuorren) 23-11-1898; arbeider en gernier te Bitgum;
x Menameradiel 2-10-1924, 25 en 19 jier, Anna Wijngaarden * Bitgum 19-12-1904; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Æde Joris Wijngaarden, arbeider te Slappeterp, letter idem te Bitgum en dêr allyksa fabryksarbeider, en Aaltje Tjibbeles Faber.
Durk Althuis hat as bynamme Durk Bossy; as de bern fan Doekele Brouwer yn 1965 út St.-Jabik yn Bitgum komme te wenjen, is Durk Althuis noch arbeider by Hettema, en witte se net better as dat er fan achternamme Bosje hyt en neame se him sa. Se skamje har dea, Althuis kin der allinne mar om laitsje. Soan Goasse ferjit net hoe’t deselde Althuis by de kiste fan syn beppe Trui Hettema-Offringa op ’e Twa Damkes stiet te gûlen. 

As Hessel santjin jier is, wurdt er yn ’e mande mei Minne Hibbes Kramer, 18 jier, en Theunis Gerrits Hager, 19 jier, deifurdige op 15-1-1887 fanwegen Wederrechtelijk binnentreden van een besloten erf; de útspraak is op 21-1: ien dei gefangenisstraf.

Hessel van der Ploeg gedaagde yn 1887

Op 12-9-1891 wurdt Hessel, 22 jier, deifurdige fanwegen Wederspannigheid; útspraak op 19-9: 14 dagen finzenisstraf;
op 1-2-1928 wurdt er, 58 jier, deifurdige fanwegen Mishandeling; f 20,00 boete en tweintich dagen sitte;
op 12-8-1936, 67 jier, wurdt er deifurdige fanwegen Ontucht; útspraak op 28-8: fjouwer moanne sel.

§ EIGEN ARBEIDERS – ARBEIDERS EIGEN
Gerben Reimers hat bûten fêste en losse arbeiders, eigen arbeiders: syn fiifskaar.
Dy eigen arbeiders dogge wat de baas, har heit, har seit – arbeiders eigen; net altyd mei jûchhei, likemin blynlings.
Hy ropt se moarns om fjouwer oere fan boppen, bejout him dan sels wer ûnder de swiere moltontekkens en skôget it wurk krekt om kofjetiid hinne, bestiicht de fyts en ferkent Fryslân. Jûns ferdjippet er him yn sigarereek yn skiednis- of teologyske boeken, lykas Ongeloof en Revolutie fan Groen van Prinsterer en de Gemeene Gratie fan Abraham Kuyper; yn ’e lette oerkes set er dy dogmatyk oan ’e kant en lit er him berûzje troch geastferromjende lektuer, sa as de Pickwick Papers fan Charles Dickens. It kroast komt út ’e sliep fan syn bolderjend laitsjen troch it souder-eken fan de hege keamer hinne. Mem heart it net, want dy sliept djip yn  ’e stille bedstee oare kant de earste gong.

Dirk Brouwer tekening GRB III
Tekening fan Gerben Reimers II, makke troch soan Durk; potlead op papier, 7 x 9 sm, op ’e achterkant fan in fragmint-tonielstikje troch Durk mei potlead skreaun
Durk Gerbens Brouwer brief oan de minister foar lânbouferlof
Durk Gerbens Brouwer freget begjin tritiger jierren ministerieel lânbouferlof foar ierdappelsetten en – sortearen en foar de ûngetiid

Gerben Reimers II is al fytsende in ferskining yn ’e omkriten. Te Menaam is it: Sjoch dêr komt de Spaanske edelman ek wer oan; à la Don Quichotte – of ek wol de Hartoch fan Alva, mei syn lang stal en donkere eagen. Driigjend yn syn eigen striid, tagelyk dêrom beminnelik. Dy brune âlderlike kikers dy’t alles trochsjogge hat er skipe fan syn mem, en stamme út har stevich foarâlderlike skaai, Katolik te België. De sibskip wol jit better witte: it minskedom ferdraait de donkerste eagen ek dêrta, it is wol heel wat oars: protestant folk ûntflechte en ferlost út it fiere Frankryk dêrsanne, dat alle lannen hjirhinne gemiensum de godsleafde trochfocht – lit dit mispleatste mins in myte bliuwe, frij, feitlik yn ’e weareld fan net wier – mar it is toch sa, net trochsteande alle patos. Syn treast ferbliuwt.
In deadwaner wol ek noch it libben ha: as er mei syn jonges yn in kroech te Kopenhagen sit te orearen, sjocht in dronken Deen yn him in seekaptein út súdlike kontreien -en sa is dat, it dronkemansepraat wurdt toch wol trochferteld – se binne dêr dus trouwens op gemak in skofte fan ’e pleats ôf. (GRB III)

Gerben Reimers lit op skrift mar heel summier nei wêr’t syn reizen him hinnebringe. Hjirûnder in notysje.

Gerben Reimers Brouwer II In busreis
In bus- en treinreis, fierders alles wyt en blanko
Reimer, Doekele, Durk en Arjen Gerbens Brouwer
Reimer, Doekele, Durk en Arjen Gerbens Brouwer

Hjirboppe de fjouwer âldste jonges foar de foarste skuordoarren – Sil der ek noch wat gebeure mannen?
Reimer, in filosoof, Durk, in timmerman, Arjen, in histoarikus, Doekele, in teolooch en Piter, in seeman; se binne troch heit allegearre ta boer ornearre. Al kin Gerben Reimers it sels allinne net sûnder help fan mem en susters buorkjende hâlde.
Hjirûnder yn in notysjeboekje de taken omskreaun. Klik derop om te fergrutsjen.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Hjirûnder arbeiders fan ’e Brouwers yn ’t Hoarslân ûnder Bitgum-Menaam. De nammen binne net bekend, ûnder har sille anargisten, readen en grifformearden wêze: stof ta redendielen.

Gerben Reimers Brouwer - arbeiders yn ’t Hoarslân
 Arbeiders yn ’t Hoarslân ûnder Bitgum-Menaam

Even lins en op ’e kyk yn it Hoarslân. Dizze foto komt út it argyf fan Arjen Gerbens Brouwer. De jonge rjochts is mooglik Durk Gerbens Brouwer. Wa wit wa’t de oaren binne? Alheel rjochts, is dat Obbe Sybesma en dêrneist mei de pet yn ’e hân Jelle Douma? Is sittend twadde fan rjochts Lume Hogerhuis? Is links steand Aise Zondervan? Is Hiltje Schaaf it fanke yn ’e midden?

Op ’e print is de rûge begroeing fan it Hoarslân skoan te sjen. It wie in hoeke mei hûnderten hoekjes gernierslân yn beammeskaad beskûle. De beammewâlen fan ’e Wâlden binne dêr fansels neat by. Lykwols, Japke Graanstra – djip út ’e Wâlden – hellet har hert op as hja dêr har Piter (XV.4) syn wiet en droech, it kofjekantsje mei brochje, bringt.
De grutte fan ’e lapkes grûn kin rinne fan oardel pûnsmiet, of noch behindiger, oant in foech moargen. Mei de ruilferkaveling binne de stikken gâns fergrutte en lyklutsen, dat wol sizze: sleatten ticht, begroeiïng derút, kavels rjochtút rjochtoan. Tsjisse Doekeles (XV.3.5) docht syn lân dêre oer oan túnders út it Westlân.
It Hoarslân is net mear te finen – ’t is in ûnmjittelike flakte fan glêzen kassen; dêr’t it net wer heimlik skimeret, lit stean oait tsjuster wurdt. Baduherne baait no yn in see fan ljocht – dêr’t paprika’s en reade pipers jit nei Spanje fleane.

Hoarslân betsjut: Lân fan it hoars, it hynder. Fergelykje it Ingelske horse. Gerben Reimers hat niget oan it Angelsaksysk, sawol de skiednis as skriftekennisse en taal, dy’t tsjin it Frysk oanleit. En dan wat fergelykje mei oare tongslaggen. Sjogge je wol, it Hollâns ros leit gâns fierderôf, dêr’t in frjemde omkearing fan ’e bylûden plak hân hat, metatesis.

As Germ en Anne 25 jier troud binne, sette trije fêste arbeiders fan ferskillende sinjatuer ienriedich in advertinsje yn ’e krante:

Gerben Reimers Brouwer en Antje Dirks van der Schaaf adv LC 25 jier troud
Ljouwerter Krante, 16-5-1936

Dit trijemanskip is:
Johannes de Vries * Menaam 24-9-1871 † Bitgum 28-2-1965, 93 jier, [] Bitgum, rigel 20; arbeider; sn fan Johannes de Vries Jzn, ferver te Bitgum, en Hinke Minzes de Vries;
x Menameradiel 19-5-1898, 26 en 29 jier, Johanna Heslinga * Bitgum 18-3-1869 † dêr 31-12-1956, 87 jier, [] Bitgum, rigel 20; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Klaas Sjoerds Heslinga, arbeider, skipper en gernier te Bitgum (nrs 67, 71, 65K), en Pietje Emkes Dijkman
Obbe Sybesma * Easterbierrum 16-2-1873 Bitgum 5-4-1959, 86 jier; arbeider, wenjend op Bessebuorren te Bitgum (en de nrs 59, 177, 420) en op it Hoarslân ûnder Menaam; sn fan Jan Dirks Sybesma, arbeider, yn 1873 te Easterbierrum, yn 1885 te Tsjummearum, yn 1903 op Bessebuorren te Bitgum, yn 1904 te Doanjum, yn 1906 te Furdgum, en Romkje Obbes Frietema;
x Menameradiel 7-6-1906, 33 en 32 jier, Martzen Boomsma * Berltsum 27-4-1874 Bitgum 30-8-1934; dr fan Willem Andeles Boomsma, arbeider te Berltsum, en Bregina Pieters van Steinvoren
Hiltje Schaap * Berltsum 16-11-1888; faam en wurkster te Bitgum mei in ûnderbrekking te Minnertsgea (7-7-1922 oant 14-11-1922); wenjend mei har broer Oege (* Berltsum 4-1-1884) te Bitgum; dr fan Anne Gerkes Schaap, arbeider te Berltsum en Bitgum (hûsnrs 214, 265, 154), en Maria Oeges Nauta. 

Dizze arbeiders gean freonskiplik mei de Brouwers om. Politike of godtsjinstige oertsjûging stiet dêr net tuskenyn.
Jehannes en Hanne binne read en frijsinnich Herfoarmd, mar net sa tsjerks.
Hiltsje en Oege ha earst gjin lidmaatskip fan in tsjerke, har âlden likemin. Hiltsje en har heit en mem wurde letter Grifformeard, Oege bliuwt ûntsjerklik en a-polityk. Se wenje achter de Slachtersrige yn in heel lyts húske mei har mem – dy seach mear as in oar. Se libje sunich, har skimerjen komt gjin ein oan: it ljocht fan ’e lantearne oan ’e Frânske Leane is har genôch.
Hiltsy en Oege ha ek har hele leven omgong mei de Brouwers, oant yn it tredde geslacht (de genearaasje XVI). Se komme wol útfanhûs by Reimer en Rom te Luttelgeest; skriuwe brieven: Hoe gaat het met Gerben in den vreemde? as Gerben Reimers III syn oplieding blommeteelt yn Aalsmeer trochstiet. Oege en de jongste bern fan Doekele en Anne ferlieze har yn grut plezier mei Mikadoo op ’e Twa Damkes – Oege wint mei triljende hân altyd alles. As Oege by syn omkesizzer Oege op ’e Lemmer ferkeart, bellet Anne fan ’e Twa Damkes op om te fernimmen hoe’t it giet: Ik kom net earder wer te Bitgum, as de mûzen hjir dea foar de kast lizze!, raast er Anne yn ’t ear, as moast er har troch dat tillefoangebeuren fan ’e Lemmer ôf nei Bitgummole ta beroppe.

Obbe en Martzen binne fan ’e A.R.P. en string Grifformeard. Se wenje achter yn it Hoarslân dêr’t Gerben Reimers lân hat. Obbe en Martzen ha in grammofoan oanskaft mei stichtelike platen, ûnder oaren fan it Jo Vincent Kwartet. As de arbeiders dêr fuortby har hûs oan it bitewjûden binne, set Martzen de grammofoan foar it iepen rút, op syn lûdst mei de galmjende psalmen en gesangen. Sa hat Obbe moai de gelegenheid om syn frijsinnige en anargistise mei-bodders yn ’e biten wat foarsichtich oan te evangelisearen. As se by in twadde omgong troch de biteplantsjes wer oan it rút ta binne, ropt Obbe lykwols: Set him mar út Martzen, want no begjinne se te spotten! (PGB)

Jelle Gerrits Dijkstra arbeidet fan ’e legere skoalle ôf by de Brouwers. As er as opslûpen jonge fan fyftjin agint wurde kin by de Noordkant, de koperative oankeapferiening en nôtmealderij te Ljouwert, stiet Gerben Reimers II boarch, 25-1-1937:

As Reimer Gerbens III-en-dy nei de Polder ferfarre, giet de húshâlding fan Jelle Gerrits Dykstra en Jeltsje Looyenga mei. Yn tsjinstelling ta Reimer, hat Gerrit in technyske knobbel en kin er omraak timmerje. Hy nimt de honneurs gaadlik waar as Reimer wat langer fuort is, bygelyks nei Denemarken foar in kursus op ’e Folkehøjskole te Hoptrup.
De oare arbeider fan Reimer Gerbens, Gerrit Julianus, bliuwt te Bitgum, en komt letter wol yn ’e Polder útfanhûs.
As Doekele Gerbens-en-dy nei St.-Jabik ferhúzje giet de húshâlding fan Jisse Sipkes Dykstra mei. Jisse is dêr benammen feefersoarger.

BROUWER Jelle Dijkstra en Gerrit Julianus
Jelle Dijkstra en Gerrit Julianus oan it ierdappelrêchklauwen ûnder Bitgum

Personalia:
-Jelle Gerrits Dijkstra * Bitgum 29-7-1921 † 25-8-2009 [] Luttelgeest; arbeider; sn fan Gerrit Jelles Dijkstra, skipper en arbeider te Bitgum, en Jeltje Hanzes Geertsma;
x Jeltje Looyenga * Berltsum 2-10-19254-11-2006 [] Luttelgeest.
-Gerrit Julianus * Bitgum 28-10-1893; arbeider te Bitgum; yn 1920 arbeider, yn ’26 boer te Sigerswâld; sn fan Harmen Gerrits Julianus, arbeider en túnker te Bitgum, en Eke Meintes Ringia;
x Opsterlân 6-5-1920, 26 en 23 jier, Aukje Nieman * De Wylp, gemeente Marum, 18-5-1896; dr fan Eelke Nieman, bakker yn De Wylp, en Jitske Jonkman.
-Jisse Sipkes Dijkstra * Bitgum 14-8-1927; arbeider te Bitgum; fan novimber 1947 oant maaie 1950 militêr by it Frysk Bataljon yn Nederlâns Indië; feefersoarger by Doekele Brouwer te St.-Jabik; sûnt 1958 fabryksarbeider te Drachten; sn fan Sipke Jisses Dijkstra, arbeider te Bitgum, bedriuwslieder by Hettema Zonen, en Pietje Pieters Hoekstra;
x Annie Verhaag, fan Suwâld.

§ OMGONG MEI DÛMENYS
Gerben Reimers hat in skalk each op stúdzje bûten selsstúdzje om: men kin alles jin it bêste sels eigen meitsje. As syn jonges oan lânboukursussen en sa begjinne by te learen, stekt er har de gek oan.

Mar as Reimer in Folkshegeskoalle te Hoptrup yn Denemarken trochrint, achtet er dat net sa min, want it Fryske eachweid rikt fierder as de eigen lânsdouwe.
En hysels is lid fan de Calvinistische Wijsbegeerte der Wetsidee oan ’e Vrij Universiteit te Amsterdam en besiker fan ’e Wiisbegeartedagen, dêr’t er mei syn soannen Reimer, Arjen en Doekele nei ta reizget. Yn it selskip fan sweager Sybren van der Schaaf, maat Tsjisse Hettema en de ûnderskate Bitgumer grifformearde dûmenys, lykas Jan Weggemans (te Bitgum 1932-’38), Lourens Johannes Schalekamp (te Bitgum 1938-’47) en André Troost (te Bitgum 1951-’55).
Dêr oan ’e VU wurdt net allinne de Gemeene Gratie trochdold, ek oare ‘eksistinsjele wiisbegearte’, lykas dy fan Søren Kierkegaard.
GRB syn bibleteek fan skiednis, teology en filosofy is fierhinne bewarre en stiet foar in part by Roymer Doekeles Brouwer (XIV.4.6) op in solder op it Klif op Murns.

Abraham Kuyper
Abraham Kuyper. Tekening: Jan Valk, 1892

De Gemeene Gratie fan Kuyper is yn it Brouwers-fermidden in paadwizer. Mooglik is de kearn fan dy trijedielige útiensetting wol dit twingend boadskip: ‘Geen duimbreed is er op heel ’t erf van ons menschelijk leven, waarvan de Christus, die áller Souverein is, niet roept: ‘‘Mijn!’’ ’
Lit dit laach him twinge? Men kin dy driigjende gedachte ek oars beskôgje en belibje. De teolooch Richard Mouw set dat idee yn in aktueel breed ramt en wol hawwe dat Kuyper syn tinken bydraacht oan in wy-gefoel dêr’t ferbûnens en erkenning fan it ferskaat hân yn hân gean – ‘ús dielde minsklikheid mei allegear dy’t it byld fan God drage’ lit dy lear útkomme. (Kuyperlêzing VU, 12-3-2015)
Of sa’t de histoarikus James Kennedy it praktysk delset: ‘Dat rint lykop mei it besef dat men ek mei oarstinkenden fruchtber gearwurkje kin.’
Kennedy relativeart yn dizzen ek: ‘Uteinlik giet it Kuyper oer de allinnehearskippij fan Kristus, en dat is net itselde as de hearskippij fan it kristendom as machtsynstitút. Yn ’e praktyk soe Kuyper syn tinken en hanneljen liede ta gruttere pluryfoarmiteit yn Nederlân, sawol yn ’e maatskippij as yn ’e polityk.’ (Trouw, 16-1-2020)

Kandidaten-teology fan ’e Vrije Universiteit en de Teologyske Hegeskoalle te Kampen wurde warskôge, sa net ôfret om har nei Bitgum beroppe te litten: it binne dêr allegear dûmenys. Doeld wurdt op ’e Brouwers, guon Van der Schaven en de Hettema’s. Se binne te yngewikkeld yn ferskillende opsichten. Dy stive, izige, betwitterige noarderlinge betinkelike kearels hawwe by neier ynsjen mei al har kennis leaf. Se skikke en slypje har geast as brûkers fan it leauwen om strikt – o man! – skerp te bliuwen, se kinne it net litte – fan beide kanten binne se geskikt, yn har God. As de jonge broekjes har yntrede dien hawwe, stekke de wetige Bitgumer boer-keapman-teologen moai wat fan har op. Foar de leargierige predikantsjes is it in hele learskoalle; en har lûden fan gâns oare oarden klinke helder troch.
Sa ek foar de 26-jierrige dûmeny Johannes Aalders. Hy stiet fan 1907 oant 1917 te Bitgum. Aalders is fris en tagelyk in ûnderlein teolooch en in bejeftige preker. De Brouwers sûge de krachtige godsfruchtige wurden fan dizze jonge man op – en dat sille se net sizze, mar hy wit it. Se wolle, se sille en kinne ontdekke. Se binne Ien. Hy en syn frou Alida Ingwersen komme beide út Amsterdam – Alida har mem is Ingelsk, dêr hat se it oer, dat fynt Gerben Reimers II heel ynteressant. Alida hat yn it hege noarden net tsjinsteande de tagedienens fan Gerben en de leafde fan Anne te kampen mei ûnwennigens. Se sitte yn ’e lytse bern, foar in part yn ’e selde leeftyd as dy fan Gerben en Anne; genôch oansluting om dêr mei befreone te wêzen. Anne wurdt troch de bern Aalders muoike neamd. De bân bliuwt nei lange jierren. Oer en wer wurde foto’s stjoerd. In famyljeportret fan ’e Aaldersen sit yn it Brouwersargyf, allyksa korrespondinsje.
Hjirûnder in pear brieven fan dûmeny en mefrou nei oanlieding fan lokwinsken by dûmeny syn 45-jierrich amtsjubileum. Anne wurdt troch mefrou oansprutsen as ‘Lieve tante Anna’ en ‘moei’.

Gesin ds J.C. Aalders
Fan links nei rjochts: Willem * ‘s Gravenmoer 5-5-1909; Anna * Bitgummole 20-8-1914; Johannes Christiaan Aalders * Amsterdam 25-9-1881 † Den Haach 12-2-1966; Cornelis * ‘s Gravenmoer 14-1-1908; Mary Ann * Bitgummole 17-12-1910; Alida Ingwersen * Amsterdam 12-1-1879; Johanna * Bitgummole 11-9-1915. Fotograaf: J.W. Wentzel, Hoffotograaf, Amersfoort

Sjoch oer J.C. Aalders: Biografisch Lexicon voor de Geschiedenis van het Nederlands protestantisme – Deel 2, 1983, side 10

Yn ’e brief fan Alida Aalders-Ingwersen wurde ek Gerben syn suster Brechtsje en har man Rients Wartena neamd, allyksa Anne har jongferstoarne suster Mine (Trijntje Dirks van der Schaaf), troud mei Miente Popkes Bakker, en har broer Arjen, troud mei Trijntje Sybrens van Tuinen.

Transkripsjes:

Dieren 23 Febr: 1952

Beste vrouw Brouwer
Lieve tante Anna,
Dat was een goede gedachte van je moei om
ons met het 45 jarig Ambtsjubileum van mijn man
eens te schrijven. Daar waren wij heel blij mee en
ook met die kiekjes van het dorp.
Wat een herinneringen wekken dit op.
Nooit zullen wij Beetgum en de familie v.d. Schaaf
vergeten. Wat hebben wij veel samen doorleefd:
En wat zijn jullie allemaal lief en goed voor mij
geweest toen ik het die eerste tijd in Beetgum zoo
moeilijk had. Ook je onvergetelijke zuster Mien
en je broer Arjan en zijn vrouw.
Erg fijn vonden wij het bezoek van Wartena en
vrouw Wartena, ook om samen nog eens over het
verleden te kunnen spreken.
Ik hoop dat wij nog eens in Beetgum kunnen
komen en dan ook jullie weer mogen zien.
Wat zal er dan toch ook veel te vertellen zijn
en je mag het gerust in het Fries doen, want
dat verstaan wij nog best.
Met heel hartelijke groeten
je (oude) mevrouw Aalders-Ingwersen

Dieren, 23 Febr. 1952
Harderwijkerweg 86

Waarde vrienden,

Uw persoonlijk schrijven naast dat van de
kerkeraad mij toegezonden bij de herdenking van mijn 45-jarige
amtsvervulling wil ik niet onbeantwoord laten. Het heeft mij
goed gedaan de oude vriendschapsherinnering nog eens verleven-
digd te zien. Het waren ook zulke mooie jaren in Beetgum voor
mijn vrouw en mij. Wij bewaren daaraan nog altijd de beste herin-
nering. Mijn vrouw en ik danken u dan ook hartelijk voor uw
brief en de goede wensen daarin geuit. Moge onze getrouwe
God en Vader, die altijd dezelfde is en blijft in belofte en zegen
U en de uwen en al de oude vrienden in Beetgum nabij zijn.
Met hartelijke groet,
uw broeder in Christus
J.C. Aalders.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Jongelingsvereeniging op Gereformeerde grondslag Bitgum
De Jongfeinteferiening fan Bitgum, foar de Kristlik Nasjonale Skoalle te Bitgummole yn 1932; twadde rige fan boppen, fjirde fan rjochts: Reimer Gerbens Brouwer III. Wa binne de oaren? Fotograaf: Foto Bureau Rollema, Ljouwert

Op ’e Bitgumer Jongelingsvereeniging op Gereformeerde grondslag hâlde Reimer, Arjen en Doekele Brouwer ynliedings oer  teologyske fraachstikken dy’t se meast keppelje oan ’e aktualiteit. Dêrútfuort komt briefwiksel mei Karl Barth
De bruorren fiele foar de oekûmene. Reimer giet jierren letter op yn it wurk fan Søren Kierkegaard en bygelyks Helmut Gollwitzer en Dorothee Sölle. Doekele ferdjippet him – yn it sok fan ’e Kalvinistyske Wiisbegearte – bygelyks yn de dogmatyk fan Herman Dooyeweerd.
As Arjen en Yke yn ’e Polder pioniere, geane se dêr yn ’t oanbegjin op nei Sion yn ’e mande mei frijsinnich herfoarmden, doopsgesinden en katoliken. Se hâlde har sneinse tsjinsten yn in houten need-tsjerkje, skonken troch ‘Noarwegen’. Se tidigje derop dat dy oekûmenyske praktyk – út need berne, mar mei hoopfol takomstperspektyf  – trochsette sil. Mar al nei in pear jier is de bewende ferpyldering fan fóar de oarloch ek yn it nije lân in feit.
Yn ’e Polder bliuwe Reimer en Arjen yn ’e frjemdte frij fan de striid om eigen taal yn tsjerke en oare domeinen. En Doekele yn St.-Jabik ek. Hy set him dêr as foarsitter fan it skoalbestjoer yn foar Bilts op skoalle, dat slagget mar min. Syn krewearjen foar Bilts yn tsjerke rint ek op ’e non. Yn Fryslân ferstiet God gjin Frysk en op ’t Bilt likemin Bilts, wit de goegemeente.  

Doekele bringt syn oekûmenysk stribjen yn praktyk as er fan ’e partij is binnen it Frysk Oekûmenysk Wurkforbân Hjelbeam, sûnt de oprjochting yn 1975. Yn dy mienskip kin er syn hert ophelje yn eigen leauwen en taal. Hy tsjerket tenei amper mear yn ’e Grifformearde Tsjerke fan Bitgum.

De striid om om plak foar de eigen tonge is dêr yn Bitgum sa’t liket onbegongen wurk wurden. It krewearjen skept gjin romte, mar leveret inkeld hite hollen en kâlde herten op. Fjoerfretters tsjinoer labbekakken, sa’t de partijen inoar oer en wer deafervje. Op ’t lêst liket it allinne mar mear om it gelyk te gean. Ek yn ’e húshâldings fan ’e ‘Frysksinnigen’ wurdt it ûnderwerp oan ferfelendst ta útbehannele.
Jierren letter, as de striidbilen begroeven binne, de fjoerfretters fuort, alle partijen ferlost, stean deselde eardere ‘anty-Frysksinnigen’ mei alle leafde yn eigen taal op ’e preekstoel fredich te bidden en te preeklêzen.

§ DE KRISTLIK FRYSKE KRITE KAREL ROARDA

Klik foar fergrutsjen en mear:


Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Brouwer Krite Karel Roarda
De Krite is klear foar optochten. Durk Reimers hâldt de flagge,
fan Goasse Doekeles is de kop-hals-romp tekening

§ FRYSK BIDDEN YN TSJERKE FERBEAN
Gerben Reimers is geregeldwei âlderling fan ’e Grifformearde Tsjerke fan Bitgum. De tsjerkerie ferbiedt him yn gebed foar te gean yn it Frysk. Dat wurdt in hele lange striid dêr’t de klassis him ek mei bemuoit.
Hjirûnder stikken út de korrespondinsje. Tenei mear.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

§ DE HERAUT
Gerben Reimers stjoert yn jannewaris 1935 [net dateard] in ynstjoerd stik nei De Heraut n.o.f. in resinsje fan Hendrika Kuyper-van Oordt (* Rotterdam 1875 † 1943; skriuwster fan kristlike romans; x 1899 dr Abraham Kuyper jr * 1872 † 1941; grifformeard dûmeny; tredde soan fan Abraham Kuyper) dy’t yn ferbân mei it Frysk dêryn stelt: Doch niettemin zijn we dankbaar dat er Monumentenzorg bestaat. Gerben Reimers nimt it dêrtsjin op. Syn stik kin neffens de haadredakteur Herman Huber Kuyper (* 1864 1945, âldste soan fan dr Abraham Kuyper) net opnommen wurde; de resinsinte reageart ek. Hjirûnder de briefwiksel. Klik op ’e ôfbylding foar mear.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Gerben Reimers Brower - briefkaart fan D.H.H. Kuyper
Briefkaart fan D.H.H. Kuyper, 17-2-1935

Transkripsje fan dit flegmatysk hanskrift:
                                              Bloemendaal 17 Februari 1935
Waarde Broeder,
Het stuk door u mij toegezonden is veel te lang
om in de Heraut te worden opgenomen. ’t Gaat ook niet
aan om wegens een enkele uitdrukking in een recensie,
die juist ’t Friesch prees, zoo’n betoog op te zetten over
de quaestie of de Friezen een natie vormen. En de
Heraut leent zich niet voor zulk een politieke vraag.
Hierbij [?] noch voor de propaganda van deze denkbeelden
Ik zal intusschen uw stuk aan de recensente toezenden
met verzoek ’t u daarna terug te zenden.
                                            Met vr gr DHH Kuyper

§ IN SEGEL FOAR DE TSJERKE
Gerben Reimers komt yn 1948 mei it idee foar in nij logo foar de Gifformearde Tsjerke fan Bitgum – it ‘segel’ neamt er it sels. Sjoch de ôfbylding hjirûnder mei rjochts boppe yn syn hânskrift: It segel fen ús Tsjerke. 1948.

Yn in net-datearde brief yn klad oan ’e tsjerkerie fan Bitgum, komt Gerben Reimers mei syn plan foar in segel:
Klik foar fergrutsjen en mear:


§ IN SEGEL FOAR DE TSJERKE
Gerben Reimers komt yn 1948 mei it idee foar in nij logo foar de Gifformearde Tsjerke fan Bitgum – it ‘segel’ neamt er it sels. Sjoch de ôfbylding hjirûnder mei rjochts boppe yn syn hânskrift: It segel fen ús Tsjerke. 1948.

Yn in net-datearde brief yn klad oan ’e tsjerkerie fan Bitgum, komt Gerben Reimers mei syn plan foar in segel:
Klik foar fergrutsjen en mear:

Bitgum  Achte Tsjerkerie,
Der scille fen jimme weze dy ’t okkerdeis lezen hawwe dat de Griff. Tsjerke fen Stiens in segel krige hat. En wol ditte: In Stinstoer, mei as ranneskrift: God is de Stins fen myn libben.
Ik tocht sa: Scoe uz tsjerke ek net in segel hawwe kinne?
Net det it bislut fen Stiens my dit yn ’t sin brocht hat. Ne ik haw der al jierren by my sels oer tocht, en mei nimmen nea ta utering brocht, martroch it bislut fen Stiens is it hwer by my bigoun to libjn.
No kin men sizze, Och hwerom scille wy det dwaen, en ik wyt ek wol dat it Tsjerklik libben en uz forkeren under in oar der net mei foroaret. Mar by de frage: moat uz tsjerke nou in eigen segel hawwe, dan wy der ljeuw ik mear foar to sizzen dan der tsjin. Mar dat der oan ta. Hwet ik nou allinne Jimme Rie under it eag bringe woe [trochskrast: is ditte:] der by kin ik my yntinke dat guon [?] fen jimme dit wol wat frijpostiche oandacht, ja net frij fen optwingerij. Dochs is it fier fen dat, en der binne under jimme, dy ’t …
[hjir hâldt it epistel op, der komt in rigel wyt en dan:]
Mar stel nou mar ris dat ik untwerper fen soks wy [lês: wie] (mar dat bin ik net) en ik moast for Bitgum in opdracht utfiere (mar dat hoech ik net) dan fielde ik hjir foar: In terp, neaken en bleat, sa ’t uz foaralden hjir him op smieten, tsjin de se, en it gleone swirdt [?], hjir ek, fen ut it tsjustere fen it Heidendom it Kristendom brocht, it is Gods hus bouwt op dizze terp, hwet to lyts ek, dat wy by de Friezen it earste. Ik sjuch in lytsere tsjerke den nou, mei in stompe toer, (dat dy fen nou froeger ek hwet hat) Jimme sizze al, mar uz Tsjerke stiet to Bitgummounle! As wy it segel mei it ranneskrift oanslute litte wolle by de history (ek fen de Tsjerke) en der is dochs alles foar to sizzen, dan is it de Terp to Bitgum, hwer fen ut de tyd fen it byljuwe yn ’e Reformaesje it suvere wird blyeun [?] is.
Yn dy Tsjerke en der om hinne op dy hege terp lizze fen ut de gryze aldheid de slachten troch alle ieuwen hinne leden fen dizze Tsjerke. Op de greate dei fen Kristus scil ek dizze terp syn deaden hwer jaen.

Achterop de brief hat Gerben Reimers trije rûne logo’s tekene mei de oanbelangjende bibelteksten by de ûnderskate ûntwerpen.

Syn ideeën wurde ûntwurpen en úttekene troch Eelke Symens de Jong, skoalmaster te Bolswert en goekunde út Fryske Bewegingsrûnten. De Jong leveret syn konsepten op briefpapier mei it wettermerk fan Amstel Bank CHB Ned 80 Fabr.
Klik op yllustraasjes foar fergrutsjen.

Oan it úteinlike risseltaat gean yn alle gefallen fjouwer tekeningen foarôf, alle trije mei in tsjerke en sealtektoer op in terp middenmank it wetter fan ’e Middelsee, symboal fan Libben Wetter tink.
Alle segels binne yn rûne foarm mei tusken de kapitale letters in sintrearde stip:

1 de tsjerke en de toer nei rjochts, mei de twa beammen fan goed en kwea en de ûndergeande sinne yn it Westen;
anneks de tekst: OP JO HAWWE US AFFEARS BITROUD. PS:22:5  GRIFF. – TSJERKE  Bitgum

2 de tsjerke en de toer nei links, mei sydbeuken, sûnder beammen en mei in steande sinne yn it Easten;
mei de tekst: HEARE JO HAWWE US WEST IN TAFLECHT FAN SLACHTE OANT SLACHTE PS. 90:1 GRIFF. TSJERKE  BITGUM
op ’e achterkant stiet in oanwizing, foar E.S. de Jong tink: Dit segel no 2 is utsocht. Hwet tinkt Jo? Kin de tsjerke efkes smeller? Terp efkes sluchter, (hja fine him hwet roun) tekst wei litten, en namme fen tsjerke efkes lytser, lyk as Jo seine? Jo moasten det mar ús sizze. Fen G R Brouwer to Bitgum  Wy Sels!

3 de tsjerke en de toer nei links, mei sydbeuken en in hoanne op ’e toer, sûnder beammen en sinne;
de tekst is hjir: FAN IVICHHEIT OANT IVICHHEIT BINNE JO GOD PSLAM 90:2b  GRIFF-TSJERKE-BITGUM

4 de tsjerke mei it koar nei foaren, mei sydbeuken, in hoanne op ’e toer en gjin sinne;
tekst: DE HEARE SINES IS DE IERDE EN HAR FOLHEIT PSALM 24 : 1A.  GRIFF. TSJERKE  Bitgum


Brief fan E.S. de Jong oan Gerben Reimers II,
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

§ BITGUMER FORMIDDEN

Tekst folget.
Klik foar fergrutsjen en mear:

§ KLOKOPSKRIFT
Fan Gerben Reimers Brouwer is it râne-opskrift op de nije klok fan 1951 yn ’e Bitgumer toer: ’k Rop nei en fan it wurk, it bodzjend folk fan ’t gea, de libbenen ta God, ’k biliedt se by har dea. It is de bekroane tekst by in priisfraach. De klok wurdt feestlik ynwijd yn in tsjerketsjinst mei as foargonger de frijsinnige Bitgumer dûmeny G.H.W. van Medevoort, in grage redendieler mei Gerben Reimer op it mêd fan godstsjinst. Van Medevoort hâldt ek lêzingen foar it Bitgumer Formidden.
Gerben Reimer krijt as oantinken in lyts model fan ’e klok yn in houten klokkestuoltsje, no yn besit fan syn namgenoat Gerben Reimers Brouwer III.
Yn ’e kantline fan it kranteferslach yn it Friesch Dagblad hjirûnder skriuwt Gerben Reimers yn potlead: Frysk Deibled. Kin net bryker hwer joun wirde. (Klik op ôbylding foar fergrutsjen)

Martinustsjerke te Bitgum
De Grutte Tsjerke – Martinustsjerke – te Bitgum yn ’e tiid dat de nije klok komt.
Fotografy: N.V. Luchtfoto Nederland, Looierslaan 5C, Leidschendam

Oan it útkeazen klokopskrift foarôf, hat Gerben Reimers II mannich farianten betocht. De tekst mocht net mear as tweintich wurden beslaan.
Transkripsje en oerbrocht yn ’e nije stavering:
-De klok fan Hessel Martena my jûn, is troch de fijân rôve.
-Troch it folk my jûn, rôp ik it op ta God, by libben en by dea.
-Hessel Martena joech de klok, de fijân rôve him.
-Fan ’t folk my jûn, jou ik ta God, by libben en by dea myn stim.
-Dy’t fóár my lette, waard troch de fijân rôve,
Ik rop ta God dy’t libje en beliedt de deaden.
-Dy’t fóár my lette, de fijân rôve him,
Fan ’t folk my jûn, jou ik ta God, by libben en by dea, myn stim.
-De fijân rôve him, dy’t lette oer it gea,
Fan ’t folk my jûn, rop ik ta God, by libben en by dea.
-De fijân rôve him, dy’t liede oer it gea,
Ik rop de libbenen ta God, ’k beliedt se by har dea.
-De fijân rôve him, dy’t lette oer it gea,
Ik rop fan ’t folk de libbenen ta God, ’k beliedt se by har dea.
-’k Rop nei en fan it wurk it bodzjend folk fan ’t gea,
De libbenen ta God, ’k beliedt se by har dea.


§ TECHNYK KRIJT GJIN GELYK
Gerben Reimers hat in skalk each op technyske aspekten yn it libben: onnatuerlik gedoch.
As de hynders stadichwei plakromje foar de trekker, weaget er him dêr komselden op. As it gefaarte neffens him stilstean moat, ropt er: Ho! De berider bestjoert it ding nei de rûchskerne en lit him dêr tsjinoan smoare.
Autostjoere docht er sels likemin oan. Syn soannen Durk en Piter fungeare as sjauffeur; sa lit er him dan ride, bygelyks nei de fergaderingen fan de Calvinistische Wijsbegeerte der Wetsidee oan ’e V.U. te Amsterdam.
Fryslân ferkent er yngeand al fytsende; syn frou dêrfoaroer makket harsels it fytsen noait eigen. Dy rint alles, as se wat âlder is, mei ien fan ’e bern fytsend neist har. Fierderop lit se har yn ’e brik ride.

Ien fan Gerben Reimers syn lêste winsken is dat syn stoflik omskot fan ’e pleats nei it tsjerkhôf droegen wurde sil. Dat achtet de begraffenisferiening in grut beswier, de krapoan twa kilometer is te fier foar de dragers. De technyk wurdt ynskeakele: in lykauto. As de staasje mei it rinnende gefolch fan ’e Menamerdyk, stapfoets de Frânske Leane ynslein is, hellet de Bitgumer klok op: ’k Biliedt se by har dea.
Krekt op ’t selde stuit rikket de lykwein. It is Ho! Der is gjin libben yn te krijen. De dragers skowe de kiste derút, nimme dy op ’e skouders en dragendewei komt it lichem fan G.R. Brouwer te hôf.

§ BROUWER DE BEWEGER
Gerben Reimers Brouwer II beweecht him yn ferskate Frysksinnige fermiddens. Sa is er mei-opsteller fan it manifest ‘Wird oan it Fryske Folk’, útbrocht juny 1940: ‘yn dizze histoaryske dagen’ waard in wurd rjochte oan it Fryske folk dat útgong fan it ‘libjende, stridende Fryslân’.
De oprop hâlde ûnder oaren yn: ‘Striid mei ús for eigen Fryskkindige amptners en foarmannen. Striid mei ús tsjin alle cultureel en polityk sintralisme det Fryslân in plak krije neffens eigen aerd, as in lytse mar frij Germaenske rjuchts- en folksmienskip’.

Wysels
Yn syn boekoankeapen skriuwt Gerben Reimers Brouwer II steefêst, op ien fan ’e earste siden, rjochts ûnderoan: Wy Sels, neffens de spreuk fan ’e Ierske frijheidsstriders Sinn Féin. Ek op brieven en sa meldt er dat, hjirûnder op ’e achterkant fan in logo-ûntwerp. Syn adazjyum is dat yn ús hearlik en behyplik bestean alles wier wêze kinne soe.

 

Under bewegers
Op ’e plaat hjirûnder stiet Gerbens Reimers Brouwer middenmank lju út ûnderskate rûnten yn de Fryske beweging. De foto is nommen by gelegenheid fan in útstapke fan ’e fakânsjekurusus fan ’e Provinsjale Uderwiisried by it gemeentehûs te Mantgum. It sil wêze begjin augustus 1938 of 1939.

§ WYSELS

  • Gerben Reimers syn pakesizzer Goasse Doekeles hâldt op de Krite Karel Roarda op wite tongersdei, 16 april 1987, in ynlieding mei as titel: Wysels. Dat stik lit sjen hoe’t yn dit fermidden de tiidgeast mienings foarmet. En ek dat dizze minsken lang miene dat se ta Frysksinnigens twongen wurde. Stof foar fierder ûndersyk.

    Lês fierder

Bewegingsbesites
Gerben Reimers Brouwer hat gauris bewegingsbesite op ’e pleats oan ’e Menamerdyk: Eeltsje Boates Folkertsma, Watze Cuperus, Eelke Simens de Jong, de bruorren Haring Tjittes en Jan Piebenga – net tagelyk trouwens -, Reinder Roarda, Harm Scheffer, Migchiel Visser, Wouter Zwart, Wike Zylstra. Se binne ûnder de yndruk fan Gêrm syn dregens en stegens en Anne har gollens.
Dêr komt ek oanwaaien de flambojante Anne Quarles van Ufford-Buma, sûnt 1936 Van der Minne-Buma. Sy en Gêrm ha beide in swak foar Noard-Fryslân. Anne berimet it sa: Mar as wy sykje aldermeast, net hwet ús skaat, mar hwet ús bynt, dan hawwe wy in rykdom mear, fen Fries ta Fries, fen strân ta strân. Yn 1929 is se mei Douwe Kalma op besite yn Noard-Fryslân; dêr wurde se tasprutsen troch de germanist Conrad Borchling, dy’t letter (sûnt 1933) lid is fan ’e N.S.D.A.P. Nei dy besite sjocht Kalma yn ’e Dútse kultuer gjin inkelde bedriging mear foar it Noardfrysk, skriuwt Gjalt Zondergeld. Anne van der Minne bûcht ek hyldyd mear de Dútsgesinde kant oer. (De Friese Beweging in het tijdvak der beide wereldoorlogen, De Tille B.V., Ljouwert, 1978, side 149, 403).
Ek Simke Kloosterman reizget út en troch fan Twizel mei de trein nei Ljouwert en arriveart per tram te Bitgum en lit har yn Brouwer syn brik nei Nij Fellingwurd ride. Hja en Brouwer redendiele, neist Frysk literêre saken, ek oer godstsjinstige. Juffer Kloosterman is frijsinnich mei wurdearring foar ortodokse tinkbylden, mooglik ûnder ynfloed fan har memmes sibben – har omke Eelke Jans Beintema is gemeenteriedslid foar de A.R.P. yn Achtkarspelen (meidieling Phillippus Breuker). Gêrm is as bekearling rjochtsinnich mei frijsinnige tagedienens. Letter sil Simke by in besite oan de âldste soan Reimer en Rom Brouwer yn ’e Buorren te Bitgum de ortodokse Frysk stilist Eeltsje Boates Folkertsma treffe; se lûke har werom yn ’e grutte sliepkeamer neist de gong; wie dat treffen tafal of pland?
(Meidieling Gerben Reimers Brouwer III.)
Hjirûnder Gerben Reimers II yn selskip fan bewegers op in Great Frysk Kongres, Ljouwert, 1 en 2 septimber 1927.

Gerben Reimers Brouwer II en de Underwiisried
Gerben Reimers Brouwer, boppeste rige, twadde fan links

Boppeste rige fan links nei rjochts: Jaep Dykstra of Wouter Zwart?, te Ljouwert; Gerben Reimers Brouwer te Bitgum (it Frysk flachje – fan sulver en emaille, dat er altyd op hat – ljochtet op syn linker revêr op); Kai Bouma te Olterterp; Jan Piebenga te Ljouwert; Arjen Witteveen te Ljouwert; Jehannes Swierstra te Ljouwert; Jelle Hindriks Brouwer te Ljouwert; ûnbekend.
Twadde rigel fan boppen: ûnbekend; Sjoerd Rintjes Sipma (* Nes, Westdongeradiel 10-5-1896 † 1992 [] Ingwierrum) bouboer op Edinge ûnder Ingwierrum, warber yn de Jongfryske Mienskip; 4 x ûnbekend.
Tredde rigel: Jaap Kalma; Bernard Smilde; ûnbekend; Epke Douma te Ljouwert; Kobus Zantema (Jacobus Zantema te Koarnjum; Harm Scheffer (* Aldeboarn 16-10-1932 † Fuengirola, Spanje, 26-11-2014) te Ljouwert, warber op it mêd fan de Fryske Folkshegeskoalle; Jan Wynia; Jehannes Boersma te Ljouwert; Eelke Simens de Jong te Boalsert (* Wânswert 12-7-1918 † 2001), ûnderwizer, driuwende krêft achter de Kristlik Fryske Folksbibleteek; ûnbekend.
Fjirde rigel: 2 x ûnbekend; Reintsje Schuurmans; ûnbekend, Sjouk Bierma te Ljouwert (Sjoukje Hessels Bierma * St.-Anne 14-6-1892 † Ljouwert 2-3-1959) aktyf yn ûnderskate Fryske bewegingsrûnten; Reinder Sierks Roarda te Ljouwert; suster fan Dina Simonides? te Ljouwert; Eringa [?]; Akke de Vries; ûnbekend; Wike Zylstra yn ’e Rottefalle, nimt yllegaal de foarstap foar de earste twatalige skoalle; E. Wellinga; Yme Bosma te Ljouwert; ûnbekend; Aad Brouwer-Prakke te Ljouwert (Adriana Isabella Prakke * Aarlanderveen 25-6-1901, troud mei Jelle H. Brouwer), sjongeres, muzykpedagooch, tonieloersetter; ûnbekend; Klaas Fokkema; Gjalt van Dam te Ljouwert; Ype Poortinga te Menaam.
Fyfde rigel: Durkje Rienks-Wallinga te Ljouwert; [?] Reintje Harmens Dykstra x Menameradiel 29-5-1907 Douwe Sybes Cuperus, greidboer en feefokker te Boksum, broer fan Joukje Elisabeth Cuperus, konsertsopraan, muzykpedagooch; Anne van der Minne-Buma (widdo Quarles van Ufford) te Ljouwert; Jitske (Jikke) Jans van der Laan x Ljouwerteradiel 31-8-1932 Klaas Ulbes Haakma, ûnderwizer te Wergea en Rie; te Oentsjerk; 3x ûnbekend; Dine Simonides te Grins  (Dina Simonides * Watergraafsmeer 5-7-1906 † 22-4-1997 [] Hurdegaryp), filolooch, learares Grins, promoveart op it Hunsingoër Rjocht; ûnbekend; Pyt Zwart-Ratsma (Pietje Ratsma, frou fan Wouter Zwart, te Ljouwert. De froulju binne goed fertsjintwurdige.
De foto waard ús taskikt troch Aad Brouwer-Prakke. Wa wit nammen fan ’e ûnbekenden?
De foto is ek pleatst yn Frysk en Frij fan sneon 13-2-1988, by in fraachpetear mei Durkje Rienks-Wallinga; en allyksa yn Wy Sels – De Kristlik Fryske Krite ‘Karel Roarda’ 1929 ~ 75 jier ~ 2004, Utjouwerij Frysk en Frij Ljouwert, 2004, side 23.

De Kristlike, Fryske en Nasjonale Saken
Gerben Reimers II neamt himsels Kristlik Frysk Nasjonalist. Dêryn hat er meistanners yn ’e rûnte fan it Kristlik Frysk Selskip. Yn dat striidperk is er yn ’e slach mei tsjinstanners dy‘t benammen in gefaar sjogge yn Frysk nasjonalisme fersus it kristendom, se neame dat de antiteze.
Sa is Gerben Reimers II yn gefjocht mei de haadredakteur fan it Friesch Dagblad, Daniël van der Meulen, dy’t syn skermslach leveret ûnder de namme Uddo (út Germaansk Ôd=erfgoed).
Ek dûmeny Jan Douma hat er op it harspit. En dat lycht der allegear net om.
Sjoch:
Kolleksje Brouwer 1 – Brieven
Genealogy Van der Meulen
Genealogy Van der Meulen – Daniël van der Meulen
Friesch Dagblad, 1926: Uddo


Hjirûnder twa brieven oan Uddo, beide net dateard, mar se sille skreaun wêze ein 1930, begjin 1931.
By transkribearjen yn de nije stavering oerbrocht.

Achte Hear,
Om’t jo noch nea earder in persoanlik skriuwen fan my hân ha, sille jo wol efkes frjemd opsjen. Dochs woe ik wol dat jo efkes tiid nimme om te lêzen. Ik sil daliks oer de saak dy’t my driuwt begjinne.
En no wol ik jo wol sizze dat ik allang ris tocht ha: wat mei der dochs wol wêze mei Uddo, der stiket fêst wat efter dat hekeljen fan ús Kristlik Frysk Selskip en alles wat mei de beweging yn ferbân stiet. Nea kin der wat barre op it Fryske mêd dêr’t wy bliid mei binne en it as foarútgong sjogge (ek  neffens ús Grifformeard tinken) of jo kinne it net litte it Selskip of De Stim in reis te ferkeapjen (dat op himsels besjoen oars neat wie) en dan meiiens ús Grifformearrde minsken der skrutel fan te meitsjen, en dat hja foaral net tinke moatte dat wat der berikt is no troch Selskip-aksje kommen is. No wol ik ek net sizze dat it krekt oarsom moat. Nee, lit elk mar stribje en dwaan wat God ús te dwaan jout, om mei de jeften dy’t Hy ús as Frysk folk jûn hat ta Him te kearen, mar it kin dochs wol wat oars as sa’t jo dat yn ’e lêste tiden dogge. Wurdearring heart men nea fan wat dien wurdt. Resinsjes fan útjeften […] wurde sa jûn dat de lju troch it foarwurd al wat skrutel makke wurde. Lotse stikjes yn ’e krante [bedoeld sil wêze kolommen fan minder belang] fan net mear as 10 rigels (mei waans ynhâld jo it iens wêze maotte) wurde tsienris safolle opskreaun. Oer de Fryske beweging en dat út Grifformeard tinken allinne in sterke [=trochskrast] krêftige beweging fuortkomme kin, dêr sille wy it net oer hawwe. Ik miende eartiids wol dat wy dêryn ien wiene, mar dat nim ik mar net mear oan. Want it begjinsel, as it goed is, driuwt ús ta dieden. En it is altyd by Uddo noch sa, dat it moatten altyd noch moat. En dat it noch nea dien is. Ik rekkenje mei jo posysje, en ek hjiryn moat elk foar himsels útmeitsje wat hy dwaan wol. Mar it allerminste [=trochskrast] maklikst wat jo dwaan koene, wie dochs wol jo minsken yn ’e klaai as jo dêr komme yn har taal oan te sprekken. Wolle jo dat net, it is jo saak. Wolle jo by de helen en net by de healen rekkene wurde, sa’t jo sizze, it sil dan yn ’e teory wêze moatte, mar lit de minsken (ek jo Grifformearde bruorren) wat mear yn har wêzen, as hja miene al wat dwaan te moatten.
En no bin ik wêr’t ik wêze wol. Wat my driuwt ta myn skriuwen, is de swiere beskuldiging dy’t jo de lêste fjirtjin dagen yn it Deiblêd tsjin in hopen fan jo Grifformearde- en A.R. bruorren jin útsprutsen hawwe. Dat it Selskip fijannich tsjinoer de Grifformearde tsjerke stiet is net wier. Jo witte dat. Tsjerklik Grifformeard is dat net, dat witte wy. Mar ek jo binne dêr mei op bekind dat fierwei it grutste part Grifformeard en polityk A.R. binne. Dat it dêr tsjin de Grifformearde tinzen yngiet, is net wier. Wolle jo it Selskip Grifformeard hawwe, kom dan op in Selskipsdei en besykje it. Mar lûk dat dan ek troch op oar mêd wêr’t jo ek stribje, en hannelje dêr gelyk.
As immen jo freget yn it Deiblêd as de striid fan de Vlamingen ús en ek it Ryksregear wat te sizzen hat en de striid wat no it rjocht oanbelanget gelyk is (wat ek jo bekenne moatte) dan mien jo oars gjin antwurd jaan te meien, dat ja, de striid wol gelyk is, mar dat wy hjir gjin Frânskelju yn Fryslân hawwe (jo witte wol better), en dat it wol goed komt, as de lju dy’t lieding jouwe it mar goed dogge, en dat hat der wol oan. Mar oars sil it harren út de hannen nommen wurde moatte. No is dat neat as dat moat, as it dan ek mar dien wurdt troch de dieden.  En jo ûnderskrift yn de freedskrante fan it Deiblêd wie tocht my dochs al te stûf, tink jo ek net? Wa’t de man wie dy’t sa nei de Stim útseach, ik wit it net. It kin my ek neat skele, mar koe dat no net lije om 70? kinne jo dat net ferkeapje? Wie dsat no sa fiis der bytroch, dat dy man (en in hoop Grifformearde en A.R.-Friezen mei him) sa nei de meditaasjes útseach, en nei de Fryske Bibel? En no mei ik net oardielje wat jo dreaun hat yn it ûnderskrift. Ik moat mar bliuwe wat der yn myn eigen eagenkrekt skûlet. Jo sille sels it bêste útmeitsje kinne as dat de leafde fan de Grifformearde Tsjerke allinne wie. Wat jo dreau bliuw ik ôf. Mar wat jo skreaun hawwe dat is in fertocht meitsjen fan eat dat jo net bewize kinne. Dy Grifformearde dûmenys sille [sels witte wat hja dwaan wolle=trochskrast] wy mar yn har wêzen litte. Dy tinke der fêst noch wat oars oerdan Uddo. Mar wat jo berikke wolle dat bart: ús Grofformeard folk dat net better wit, skrutel meitsje foar de Fryske aksje, sa’t dy fierd wurdt. No stean ik dêr bûten, mar ik sil jo wol sizze: as ik ien fan dy mannen wie, soe ik ris sjen as de Snitser Tsjerkerie ek fan betinken is dat it ûnder Grifformearde bruorren sa skreaun wêze mei.
Dit giet sa net goed wol? En it kin him ek noch wol ris oars besnije [?] as jo miene. Om persoanlik skeel of wangeunstigens mei men om it begjinsel noch net dwaan wat men wol. Want oars koe it ek wolris barre, dat der yn Snits mear kaartsjes kamen dan jo tocht hiene, fan abonnees fan krante of leden fan Parseferieningen, en dy’t meiiens leden fan it Selskip binne, mar sa meie wy net. Jo moatte hjir net te licht oer tinke. De Grifformearde en A.R.-tinzen yn ús Deiblêd altyd wer oan nei foaren bringe, dat moatte jo dwaan, dêr giet neat fan ou. Sa wolle de Grifformearde en A.R.-leden fan it Selskip it dochs ek? En hopen (net allegear) binne lêzer fan De Stim, binne noch lid fan de A.R. Parseferiening (wat ik hoopje dat hja bliuwe kinne) en dan ek noch fan de Kristlike Parseferiening. En no tink ik der sa oer, as it Frysk Deiblêd it moatten yn dwaan omset hie, dan hie de Fryske Parseferiening net nedich west. Sil it sa [wêze] dat Stim en Parseferieningen en Kristlik Frysk Selskip de Grifformearde Tsjerke en it Grifformearde tinken fijannich is, sis en skriuw dan rûnút wêr’t dat yn bestiet. As nei jo betinken der sa’n geast rûnwaait, bring him dan foar it ljocht. Ik hear jo al sizzen: Jo witte it ek net, jo moasten it ris witte. No wol ik it daliks wêze, dat jimme soarte lju de stippen better sjogge dan wy de grutte flakken, mar dochs meie jo net op in inkeling ougean. Dat it yn antyteze yn de Fryske beweging, en Heidensk of Kristlik, sa tsjin it Grifformearde tinken yngiet, sjuch ik noch net, (alteast yn de lêste stikken net, de earste wit ik sa goed net mear).
Ik sil ophâlde. Jo sille ek wol tinke, ’t selde lietsje dat ik wol mear hear. Allegear krimmenaasjes, ik lis se mar wer oan ’e kant, dit is ek neat. Mar doch der fertuten mei. Want as jo op dit paad fuortgean dan komt it oars at jo tocht hiene, en ek as jo Grifformearde en A.R.-bruorren dy’t, lykas jo dan sizze, efter jo stean, it wolle.
Ik bin noch sa frij jo ien foarbyld foar te hâlden dat (sa’t ik oanfiel) oer hiel Fryslân wol sawat gelyk opgean kin, it iene plak mear, it oare minder.
In inkeling yn ús fermidden dy’t fan de bernejierren ou him oanlutsen fielde ta skiednis en ek yn letter jierren fielde dat it Fryske folk as skeppingsdied fan God rjucht fan bestean hat ûnder de folken, hat mient dêrfan tsjûgje te moatten. Oant safier gie it noch wol. Men prate deroer en fûn it wol in aardige ouwiksel. Mar doe’t deselde man foar himsels de libbenskar dien hie (út genede) dat it Kalvinistysk begjinsel de krêft jaan kin ek foar it Kristlik Fryske Mal, doe koe hy net oars as dat yn dieden om te setten, ek op dit mêd dêr’t it Frysk nea tagong hawwe mocht. En doe dêrfan inkel jins leafde [?] in begjin makke yn eigen gesin. (want jo sille tastimme dat jo nea oertsjûgje kinne foardat jo it sels tapasse), yn skoalle, op steatkundich terrein en ek yn tsjerklik fermidden, doe kaam de tsjinkanting. Dy tsjinaksel, wêrfan by ûnkunde, leffens en eigen gruttens foar master opslacht, hoech ik jo net te fertellen. Dy lijenswei wit elk dy’t yn de Fryske beweging offers bringe moat en wol. Dochs kaam der feroaring, foarst by de earste soart, dy’t by djipper yntinken net foar it Frysk Nasjonaal begjinsel weikoene. Doe by de twadde soart, troch dy altyd mar wer yn har eigen taal (yn de trije boppeneamde fermiddens) ûnder oaren ek har eigen skiednis hearre te litten (ek by optochten en opfierings by ús Oranjefeesten). En dy’t de tinzen beet krigen, dat wy, hoewol behindich yn it Nederlânsk Steatsferbân, dochs neffens Skeppingsordonaasje earst Fries en dan Nederlanner binne. De oare beide, en foaral de lêste soart, bestean noch. Mar de ienling krige stipe fan oaren. en koe abonnes by it útkommen fan De Stim krije en no nei in wrakseling fan in jier of fiif-njoggen sechstjin leden en in krite fan 16 man en alve abonnees op De Stim fan Fryslân, dy’t ek allegearre lid fan de Grifformearde Tsjerke binne.

Noch in briefke fan Gerben Reimers II oan Daniël van der Meulen.

Vd Meulen
Okkerdeis haw ik jo skreaun oer jins dwerssitten fan Selskip en Stim.
Hie ik lykwols jo efkes letter skreaune stikken earst ûnder eagen hân, dan hie ik it net dien. Want skriuwen mei jo hjiroer is dochs omdoch.
Plak foar ferwar is net te krijen. It kwea oer de Kristlik Fryske beweging is fan jo besletten. De tinzen fan myn herte oer jins dwaan sil ik net yn wurden werjaan. God mei it kwea ferjaan, wat wy oer dizze saak sein hawwe.
Ien frage noch: Under myn Kuyperportret stiet: Terar, dum, Prosim*. Hawwe jo lije wollen foar Fryslân?
Kuyper syn libbensrop hat ús wat te sizzen, en ek jo moatte jo oufreegje (wat wy allegearre dwaan moatte) wat jo dwaan beëaget. Ien sjucht it herte oan, en wit at wy Fryslân leavje ta eare fan Him, of at wy der sels foar pronkje wolle.
G. Brouwer
* Latynske spreuk: Terar dum prosim: Ik mei fertarre, as ik mar nuttich bin.

Oer deselde kwestje skriuwt Gerbens Reimers II in brief oan dûmeny Jan Douma te Britsum, dy’t likemin folle ophat mei Kristlik Frysk Nasjonalisten.
Personalia:
Jan Douma * Ie 4-8-1881
† Britsum 7-4-1945 [] Britsum; grifformeard dûmeny, seis moanne foar syn trouwen te Watergraafsmeer; oant 2-9-1923 te Skettens, dêrnei te Britsum oant syn ferstjerren, 22 jier;
lid Partikuliere Synoade (Noard); bestjoerslid Gereformeerd Schoolverband; lid bestjoer Friesch Dagblad; redakteur Grifformeard Frysk Tiidskrift; redaksjelid fan ûnderskate blêden, ûnder oaren fan it Friesch Kerkblad, bydragen oer Fryske tsjerkeskiednis; fertaald mei W. Zuidema Kroniek van de Abdij van Bloemkamp (Utrecht, 1938); mei-oprjochter fan it Grifformeard Frysk Selskip; sn fan Auke Jans Douma, yn 1881 bakker te Ie, yn 1907 dêr greidboer, en Akke Pieters van der Woude;

x Achtkarspelen 10-12-1907, 26 en 20 jier, Reintje Sijtsma * Gerkeskleaster 1-3-1887 † Ljouwert 9-7-1974 [] Britsum; by trouwen sûnder berop te Gerkeskleaster; dr fan Hendrik Pieters Sijtsma, greidboer te Gerkeskleaster, en Hiltje Jans Oosterhoff.

Hjirûnder in brief fan trije kladfellen yn potlead.

Bitgum 16-1-’31
Oan de Wol Earw Hear Ds J Douma
Troch dizzen woe ik jo persoanlik ris in wurdmannich takomme litte. Om’t ik it Frysk Deiblêd noch? lês of lit my it oars sizze, noch abonnee bin, slach ik myn each meastal efkes yn de rubryk dy’t útgiet fan it Selskip dat him neamt it Grifformeard Frysk Selskip. Ik sil net komme op wat der allegear sein is oan it adres fan dy Friezen dy’t har Tsjerke en it begjinsel fan har Partij leavje. Der is no ienkear gjin romte foar dy lju om har te ferwarren, sels yn har eigen blêd, om’t hja no ienkear Fryslân oars sjugge as dy’t it blêd yn hannen hawwe. Mar dat moatte dy’t dat allegearre skreaun hawwe fan harsels mar ferantwurdzje. De gefolgen dêrfan sille mei de tiid har wol jilde litte, en binne no ek al te merkbiten.
Doe’t ik foar in pear wike de man út Teltsjegea1 hearde oer Selskip en Stim2, dat it gefaar no oer wie en it allegearre neat mear te betsjutten hie – en hoewol de grimmitigens dertrochhinne skimere – hy no neat mear oan it spul fûn om him dêr mei yn te litten, doe tocht ik: no sil hy doch ris nei syn eigen spul omsjen, en is it oan ’t bouwen ta. Mar doe’t ik hjoed jo stik ûnder eagen krige, tocht ik, nee, hja binne noch net ree, mar bliuwe noch mar op de wei dy’t (ik nim it daliks oan) foar har it gaadlikst en ek de maklikste wei is. Yn it stikje fan freed, Is it de tiid…? en ek fan folle mear fan jo hân yn it ferline jier, rint wat trochhinne tinkt my, dat my tinken docht oan wat ús yn it njuggende gebod3 foar eagen stiet. Ik kin net neilitte om jo op in mannich uteringen te wizen dy’t, as Van der Meulen4, Wybenga1 of Van der Valk dy dien hienen, jo der ek net oars fan waarden, om’t it skeeld wa’t seit.
Mar as jo miene de Frysk Nasjonalisten bestride te moatten, dan moatte jo wier wêze. Want dy Nasjonalisten (jo witte it) sitte ûnder jo Grifformearde- en A.R.-bruorren5. En hoewol’t wy bruorren yn Kristus wêze moasten, haw ik my net sa oantsjinje doaren by jo. Omdat ik út al it skriuwen fan alear dochs begripe moat dat jo dat fan sokke minsken dy’t jo – yn ik wit net hokfoar revolúsjonêr ferbân set hawwe – dochs neat oannimme kinne. En sa sil dan ek de antyteze: Frysk-net Frysk, wêr’t jo sa bang foar wiene, troch josels yn tapassing brocht wurde, om’t jo de lju dy’t mei jo yn itselde tsjerklik en polityk ferbân libje, net útstean kinne, omdat hja Frysk Nasjonalist binne.
Hjir bin ik wêr’t ik wêze wol. Dogge jo ús Grifformearde- en A.R.-minsken rjocht? Want dêr giet it om. Want de oaren dy’t net mear te beroppen binne, hawwe wy no yn dit ferbân net mei te meitsjen no? De lju dy’t mei jo yn itselde ferbân libje, Tsjerke en Partij, skôgje Fryslân oars as jo, hja binne Frysk Nasjonalist. De Tsjerke, al hat hja it leaver net, stiet dit ta; hja kin neffens har belidenis net oars. It Provinciaal Comité en ek de Partij [=de Anti Revolutionaire Partij] yn Fryslân, al hat hja it leaver net, hja stiet it ta, om’t it stribjen net mei it partijbegjinsel yn konflikt komt.
Mar wat dogge jo? Dat jo it Nasjonalisme, ja al it Frysk eigene, bestride, kin ik my nei alles wat der bard is yntinke. Dat is jo rjucht. Mar binne jo wier?
Ferline simmer hawwe jo in lyts tweintich minsken fan Grifformearde belidenis oanskreaun om ris gear te kommen en te praten, te Ljouwert. Ik kin my yntinke dat de útslach fan dat besprek, wêrfan jo witte dat jo allinne stiene, jo net meifoel. Mar dat jo in pear wike letter skreauwen yn ’e rubryk dat de Nasjonalisten net te finen wiene ûnder de Grifformearde Friezen en ûnder de Herautlêzer7 (dy’t dêr, op inkele nei, doch op dy gearkomste wiene), doe foel sa’n foarljochting my tige ou. Jo kinne witte, foaral nei it besprek mei de Selskipsôffurdigen, dat dêr gjin sprake fan is dat ús Nasjonalisten de bân mei Hollân los raffelje wolle. Ja, ik kin it net oars sjen as laster as jo sizze dat wy ús Tsjerke net leaf hawwe en ús net mei krêft dêroan jaan wolle, sa’t dy is. En al wie it oars, doare jo ûntstride dat dan in Fryske Tsjerke net yn de Grifformearde belidenis stean koe? Dat feroare doch net mei de taal wol?
En om der yn de Partij op oan te stean om artikel X fan ús program fan begjinsel ek op ús Fryske folk ta te passen, is dat ek raffeljen oan de bân mei it Ryk? Jo witte it better. Wurdt der praat oer in eigen Frysk legertsje en in Oaiboekskipke  [oaiboek=berneboek]? Jo witte wol dat it ferbân it bedoeld yn de sin lykas Kuyper8 it woe. En en okkerjiers hjir yn Bitgum út de mûle fan syn eigen soan9 tsjin my sein is, dat it altyd de begearte fan syn heit west hie om Fryske regiminten te foarmjen. Jo witte dat wy de bân fan ús sprake en fan it bloed net heger stelle dan dy fan it leauwe. It wie der altyd by troch as ús tsjinstanners Dr Kuyper oanspraaklik stelden foar de Antiteze. Nee, dy wie der en sil der bliuwe no? Mar mei rjucht kin, as it sa trochgiet, de man oanwiisd wurde dy’t de Antiteze Frysk-net Frysk himsels steld hat.
Want de lju fan itselde leauwe nimme jo net oan en sette jo yn in rare [?] hoeke omdat hja Nasjonalisten binne. Jo sille letter noch wolris tinke oan it sizzen en ús Kalvyn syn tinken. En ek as wy ús op ús Partijbegjinsels beroppe.
Mar wêrom dan earst net ris te begjinnen mei Huismans10 en Ds Wumkes11dy’t jo fan ’t simmer noch oanhelle hawwe as it Grifformearde paad opgeande. En toan ris oan dat dizze Nasjonalisten har op in fantasije Kalvyn beroppen hawwe. Wêrom it dan earst net mei Uddo12 foarelkoar te meitsjen dy’t flak tsjinoer ds Wumkes stiet? Nochris, it is jo folsk rjucht om te bewizen dat de Nasjonalisten it fier mis hawwe as hja de Frysk Nasjonalistyske striid grûnje en allinne stride kinne op de grûnslach fan de izeren [?] ordinânsje fan it Kalvinisme, en lykas de jo sa neiby steande Wumkes sei, dat Ut en troch en ta God alle dingen binne.
Mar meitsje gjin misbrûk fan jo plak en wurk, dat dy’t jo bestride net hawwe. En hâld op mei ús as folk oars foar te stellen as wy binne. Wês dan ek konsekwint en set in essee ynelkoar om dy lju dy’t sa gefoelich binne foar Tsjerke en Partij oan te kleien – mar de Tsjerke wier.
Wat it swierste is moat dan ek it swierste weage net? Dan kin útraffele wurde as dy lju ek Grifformeard leauwe. Of lit my oars sizze: Kristus heger, ek as Fryslân. Ja ofte nee.
1 Teltsjegea – Us libben yn Teltsjegea, in feuilleton yn it Friesch Dagblad ûnder de nammen Fetze Greidema en In Fryske jonge, pseudonimen fan Anders Minnes Wybenga  * Wetsens 25-10-1881 † Easternijtsjerk 19-9-1948 [] Wetsens; mei-oprjochter Kristlik Frysk Selskip, meiwurker De Stim fen Fryslân; sn fan Minne Andries Wijbenga, yn 1876 boer te Wetsens, yn 1881 gernier te Nijewier, en Janke Jans Elzinga (skriuwt sels: Elzenga);
x Renske Heeringa * Moarre 8-1-1888 † Dokkum 18-10-1972 [] Wetsens; dr fan Lubbert Sakes Heeringa, arbeider te Ljussens en Moarre, en Siebrigje Martens Bouma
Sjoch: 4 Anders Minnes Wybenga
2 De Stim fan Fryslân, orgaan fan it Kristlik Frysk Seskip

3 It njoggende gebot yn de Tsien Geboaden: Do silst gjin falsk tsjûgenis sprekke tsjin dyn neiste. Eksodus 20:1-18
4 Daniël van der Meulen – haadredakteur fan it Friesch Dagblad, sjoch ek hjirboppe
5 A.R.-bruorren – Mannenbroeders
6 Provinciaal Comité – Organisaasje A.R.P.
7 De Heraut – Grifformeard tsjerkeblêd8 Abraham Kuyper – sjoch ek hjirboppe
9 Kuyper syn soan, wierskynlik Herman Huber Kuyper, sjoch ek hjirboppe; kaam mooglik op útnûging fan ’e pleatslike A.R.-kiesferiening God Nederland en Oranje te sprekken yn Bitgum
10 Huismans – Sipke Huismans * Loaiïngea 10-3-1873 † Doetinchem 19-7-1924 [] Loaiïngea; mei-oprjochter en earste foarsitter fan it Kristlik Frysk Selskip; sn fan Eeltje Sipkes Huismans, yn 1870 boer te Skearnegoutum, yn 1873 te Loaiïngea, en Sytske Wytses Kooistra;
x 29 en 31 jier, Dieuwke Rosalina Banda * Ljouwert 27-12-1870 † 17-6-1950 [] Loaiïngea; dr fan Ritske Jans Banda, notaris te Ænjum, en Joukje Pieters van der Kam

11 Ds Wumkes – Geart Aeilco Wumkes * De Jouwer 4-9-1896 † Huzum 7-5-1954 [] De Jouwer; û.o. mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip, sjoch ek: Gjalt R. Zondergeld, Geert Aeilco Wumkes; sn fan Dirk Aeilts Wumkes, fabrikant fan jern op ’e Jouwer, en Jantje Geerts Smith;
x Velsen, Noard Hollân, 6-9-1900 Alida Sap * Brazilië, yn ’e kajút fan it skip Otto, op reis fan Rio de Janeiro nei Falmouth 15-1-1871 † 31-8-1945 [] De Jouwer; dr fan Ate Hendriks Sap, gesachfierder fan it Nederlânsk skoenderskip Otto, wenjend te Warkum, en Alida Alberts de Jonge

12 Uddo, skriuwersnamme fan Daniël van der Meulen, sjoch hjirboppe

Frysk Forbân yn de Anti Revolutionaire Partij
De oprjochters fan it Frysk Forbân yn ’e A.R.P. binne neist Gerben Reimers II: Sjoerd Evert Wendelaar Bonga, Ulbe van Houten, Michiel Sjouke Elings Visser en S. Knol. 

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Frysk Nasjonael Forbân
Gerben Reimers II is allyksa mei-oprjochter fan it Frysk Nasjonael Forbân yn it begjin fan ’e besettingstiid, july 1940.
Al gau splitse de ûndertekeners har omdat guon oan ’e Dútse kant stean of stean gean. De wegen skiede tusken oan ’e iene kant Gerben Reimers Brouwer, Jelle Hindriks Brouwer, Eeltsje Boates Folkertsma, H. Y. de Jong, Pieter Pieters Miedema, Thomas Mollinga, Jan Piebenga, Marten Koops Scholten, Douwe Annes Tamminga, Hendrik Twerda, Pieter Zijlstra – en oan ’e oare kant: Jan Melles van der Goot, Douwe Hermans Kiestra, Sybe Douwes de Jong, Douwe Kalma, Sytse Jan van der Molen, Haring Tjittes Piebenga en Johannes Jacobus van Weringh.
Piter Piters Miedema is earst lid fan ’e FFP (Fryske Folks Partij) en giet yn 1941 oer nei de Nederlandse Unie, hy skriuwt syn memoires yn Wrakseling om frijheid I, II, III, sjoch ek: Dûmenys dy’t joaden holpen – IV -204; Thomas Mollinga * Winsum 11-10-1908 † Snits 31-12-1993, is bedriuwsekonoom, hy publiseart û.o. De Tsjerke Frysk (1940) en Robotania, roman (1978); Pieter Zijlstra is redakteur fan it Algemien Frysk Jongereinblêd (1940-publikaasjeferbod yn 1944), it orgaan fan it Boun fan ’e Frysk Nasjonale Jongerein; Johannes Jacobus van Weringh * Stroobos 23-4-1911 † Bûtenpost 20-2-1987, is auteur fan û.o. Skiednis fen Ald-Fryslân (1934), Het maatschappijbeeld van Abraham Kuyper (Van Gorcum, Assen, 1967), en hy leveret yn ’e 50-er jierren artikels yn De Tsjerne.

Tenei mear. 
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Fryske Christelijke Boeren- en Tuinders Bond
Yn lânbou-organisaasjes besykje boeren en gerniers tsjin de stream yn har eigen taal te brûken, se wurde sadwaande bestimpele as ‘Frysksinnich’. Sân leden fan ’e C.B.T.B.-ôfdieling Berltsum tsjinje in fersyk yn by it provinsjaal haadbestjoer: Wy freegje om earst de hoflikheit to bitrachtsjen tsjinoer ús eigen folk. Hat God ús dit lân net jown? Steane wy net op eigen groun?

Gerben Reimers II docht dat yn maart 1949 yn ’e mande mei Tsjepke Hyltsjes Smits, gernier te Berltsum, syn sweager Sybren Arjens van der Schaaf, ierdappelkweker te Bitgummole, syn omkesizzer Doekele Arjens van der Schaaf, bouboer te Bitgummole, Rinse Minnes Nieuwhof, gernier te Berltsum, syn skoansoan Reimer Wartena, bouboer te Bitgummole en Herman Hettema, ierdappeleksporteur te Bitgum. 

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

§ HISTOARYSKE TONIELSTIKKEN

Mei syn histoaryske tonielstikken en dito ynliedings wol Gerben Reimers II kennis en ynsicht by himsels en by syn folk bedije – en betije. Hy skriuwt:
In folk dat syn skiednis en syn greate mannen net ken, giet forlern. En hwet wirdt ús op dit gebiet, it sy mei sin of net mei sin folle unthalden /…/

Gerben Reimers hat as haadpersoanen yn syn stikken lju mei mankeminten, lykas yn Fryske ballingen te Emden1568-1573 en Wigle fan Aytta te Brussel.
In kear stjoert er jongbaaske Doekele mei manuskripten nei Ype Poortinga te Menaam om te sjen at it ek útjûn wurde kin. As Doekele in deimannich letter de stikken wer ophellet, docht bliken dat Poortinga se ôfwiisd hat.
Thús sjocht syn jonge Gerben Reimers II mei eigen brune eagen oan en seit: Dit is niks heit. (TDB)

Hjir it bygeand bryfke fan Gerben Reimers oan Ype Poortinga, transkribeard yn de nije stavering.

Bitgum

Achte Ype Poortinga

De Kommisje foar de Fryske Lândei (mids Augustus te hâlden) hat my frege as ik dizze stikken jo wol efkes bringe woe, om efkes nei te gean as hja op dy kommende Lândei opfierd wurde kinne. Wy hawwe dizze stikken allegear ôfpast opfierd yn ’e Tsjerke op ús Oranjefeesten foarhinne. Brussel hawwe wy op de 3de Lândei yn Berltsum 1935 of ’36 opfierd. Ik wol der no sels fierder net mei foar ’t ljocht komme om’t ik wol wit dat der wat oan ûntbrekt, dat as men foar grutter publyk komt it net alhielendal ferantwurde is. Dêr is it fansels ek net foar makke. It wie te mear bedoeld foar eigen lytse rûnte. As it wat wurde kin, dan moat ik it noch ris ûnder hannen hawwe (fral it lêste mei WL [=Willem Loadewyk] en Karel Roarda moat wat ynkoarte), omdat der wol wat net alhiel ferantwurde is. Prinsipiële siswizen sille, hoewol’t ik dy wol foar myn rekken nim, wat weifalle moatte, om’t dat der wol tuskentroch rint, mar der net te tsjok op lizze moat.
Jo moatte no marris sjen, en der goed om tinke dat it fan de Kommisje útgiet. My net sparje as it moat. Want ik haw in gefoel dat dit net kin. Mar hja wiene hastich, en hiene noch net wat geskikts.
As it wat wurde kin, klean út dy tiid rêd ik my mei.

Groetsjend
jins tsjinner
G R Brouwer

Jo sille fernimme dat der plagiaat bedreaun is. Oangeande Wumkes útgerekend. Dat wie der.[?]  Hie no wol foar my sels slein [?]
Mei hasten

Ik hie dizze stikken nochris wat bewurkje wollen foar lytse kring, mei it opskrift: Fryske Rebellen. [by de graasje fan God=trochskrast]

Wy Sels!

Hjirûnder it earste part fan it tonielstik Karel Roarda en Willem Lodewyk yn trije ferzys:
1 it hanskrift fan Gerben Reimers sels,
2 it stik netsjes oerskreaun troch dochter Nynke
3 it geheel oertypt troch Reinder Sierks Roarda op briefpapier fan De Stim fen Fryslân, it orgaan fan it Kristlik Frysk Selskip. Yn dy trije ferzys steane stik foar stik ûnderskate farianten fan de basistekst.
Dat sa’n dreech stik toch oansloech, nettsjinsteande de wiidweidige politike útiensettingen en swier oansette taal, docht bliken út it feit dat Reinder Sierks Roarda it sitten seach en it fermannichfâldige – en dat it opfierd is. It azemet de geast fan ’e tiid, à la de Keningsdrama’s fan Douwe Kalma letter – dêr’t net mei sein wêze wol dat dizze oerdeechlike kost fertarber is foar de leafhawwer fan Kalma syn retoaryk anneks lyryk of überhaupt foar de 21ste iuwer. Hawar, Kalma is Shakespeare ek net. En de prestaasje fan dit stik wurk is yn 1929 op papier kommen en is spile op 31 augustus fan dat jier yn ’e ‘nije’ Grifformearde Tsjerke te Bitgummole. Hoewol, ‘stik’ – it is mear in tonielskets, it beslacht trije siden A4. Wol om troch te kommen en út te sitten.

Klik op ’e tekst om fierder te lêzen.

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.


Noch in stik oer Karel Roarda:
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Yn syn notysjeboekjes skriuwt Gerbens Reimers syn betinken op oangeande de rol dy’t guon lju yn ’e skiednis spile hawwe. Hjirûnder hat er de Bitgumer Hessel van Martena op it harspit, mei derby in aktueel pripke:
Fen disse Hessel van Martena binne de Histoaryske wirden, dat er wol foech [?] jaen woe as der gjin Fries wy [wie]. Wy sizze ek nou wol ris mei de Spreukedichter, der is gjin nijs ûnder de sinne. Disse Hessel v Martena wy fen Bitgum, ien fen ’e earste biwenners fan ús Martena stins. Mûglik binne der noch fen syn geastlik skaei /…/

Gerben Reimers Brouwer notysje oer Martena

Gerben Reimers II ferdjippet him meast yn ’e ûntjouwingen op lanlik nivo troch de skiednis hinne, mar hy hat ek each foar lokale histoary. Hjirûnder in skets dêr’t er it eardere hoarnleger fan Martena State tusken Bitgummole en Bitgum yn kaart bringt. Nei it ôfbrekken fan Martena of Groot Terhorne wurdt dit stee yn ’e folksmûle de Grutte Bult neamd.

§ HISTOARYSKE OPTOCHTEN
Gerben Reimers nimt der alle tiid foar om wiidweidich histoaryske optochten op te setten, skiedkundich ferantwurde en mei dito kostúms.

BROUWER Optochtfolchoarder
Folchoarder fan in histoaryske optocht op Koaninginnedei yn 1929; mei oranjeklanten, lykas Sjoerd fan Beyma en Hartman Galama, en anty-orangisten, lykas Gaspar Fagel

Gerben Reimers Brouwer neamt Grutte Pier hjir mei de tanamme Fen Heemstra, ûnderwilens is bekend dat Pier syn fan Donia is. Sede sil in frjemde printflater wêze, en wierskynlik komt it hjir del op Goslick fan Jongema. Sjoerd Lieuwes fan Beyma ( † Brussel 1-6-1568) ûndertekenet yn 1568 it Ferbûn fan Eallju, hy en Hartman Gæles Galama (* 18-2-1533 † Brussel 1-6-1568) binne beide yn Brussel troch de Hartoch fan Alva terjochtsteld en dêr ûnthalze. Kasper Fagel is riedspinsjonaris yn it Earste steedhâlderleaze tiidrek en man fan it Ivich Edikt dat it steedhâlderskip ôfskaffe wol, in grouwel yn Gerben Reimers syn Oranje-kleure-eagen.

Brouwer Histoaryske optocht
Opstelling foar de Iepenbiere Skoalle te Bitgummole

Hjirûnder in list fan histoaryske figueren, mei ‘4 blonde koarte prûken, 1 koarte swarte prúk, 2 lange swarte prûken, 1 lange blonde prúk’. Wa is wa? Klik op de nammen. Findeldrager; 1 Kening Aldgillis; 2 Kening Redbad;Liudger; 4 Bernlef; 5 Jancko Douwama; findel prinseflagge; 6 Goslick fan Jongema;Prins Willem I fan Oranje; Doeke fan Martena; Us Heit=Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg; 10 Van Reid [skriuwer en riedshear fan Willem Loadewyk]; 11 Karel Roorda; 12 Ysbrandy [griffier Fryske Steaten]; 13 Homme Hettinga [mooglik hat Brouwer hjir foar eagen de wettergeus Homme Tæckes fan Hettinga * De Hommerts † fóár 23-4-1574; flechtet as protestant nei Emden; striidt by Hilligerlee en Jemmingen; is by de ynnimming fan Den Briel] of, skriuwt Brouwer, Ernst Casimier fan Nassau-Dietz; 13 Tsjerk Hiddes de Vries; 14 Auke Stellingwerf;  15 Johan Willem Friso fan Nassau-Dietz; 16 Kening Willem I. Yn ’e optocht fan 6 septimber 1938 is foar Homme fan Hettinga syn soan Tæcke yn ’t plak kommen: ek neamd: Taco van Hettinga * Jorwert  [?] † Emden 1603; striidt by Hilligerlee en op see; stjert as befelhawwer fan Emden.
Bernlef, Jongema, Ysbrandy, Martena en Tsjerk Hiddes moatte hjirre út ’e praktyske rige wike. Koaningin Wilhelmina – doe noch net út ’e graasje by Gerben Reimers II – en Prinses Juliana binne oan ’e list tafoege, wurde yn ’e optocht opfierd. 

Brouwer Histoaryske optocht - List fan histoaryske figueren

Hjir in folchoarder yn oranje fan ien fan ’e histoaryske optochten by in Oranjefeest.
Klik op ’e titelside foar de hele ynhâld.
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

Brouwer Optocht 3
Histoaryske optocht Bitgum. Fotograaf: Van der Peijl, Nijesteech 6, Ljouwert

Hjirboppe in opstelling foar de Iepenbiere Skoalle te Bitgummole. Yn ’e sjees: Dirk Pieters van der Schaaf [?] en Baukje Dirks van der Schaaf; op ’e bokkewein: Grietje Pieters vander Schaaf en Nanne Pieters van der Schaaf.

Gerben Reimers Brouwer II Optocht Bitgum 4
Histoaryske optocht Bitgum. Fotograaf: Van der Peijl, Nijesteech 6, Ljouwert

Deselde optocht mei Reimer Gerbens Brouwer II op ’e wein; wa binne de oaren?. Fotograaf: Van der Peijl, Nijesteech 6, Ljouwert.

Brouwer Optocht 1
It luchtigere part fan in learsume optocht. In protte bekende gesichten, mar wa is wa? Fotograaf: Van der Peijl, Nijesteech 6, Ljouwert

Noch in folchoarder fan in histoaryske optocht foar sechstjin jonges fan ’e kristlike legere skoalle fan Bitgum-Bitgummole, mei mooglik trije jongfeinten om it each derop te hâlden: Lolke Jabiks Dykstra, Anne Meinderts Hofstra en Jitse Ynzes Stienstra.
1 Heraut mei Fryske flagge. Ymke Grovestein
– sjoch: Genealogy Grovenstein – nr VI.14
2 Kening Aldgillis. Jan J Bakker
– Jan Jetzes Bakker, sjoch: Genealogy Koopal/Koopmans – nr VI22.1.5
3 Kening Redbad. Doekle Brouwer
– Doekele Gerbens Brouwer, sjoch dizze genealogy XV.3
4 Ludger; Fryske Kristen preket. Ane Hofstra
– Anne Meinderts Hofstra * St.-Anne 21-12-1900; sûnt 21-5-1928 gernier te Bitgum; sn fan Meindert Annes Hofstra, gernier te St.-Anne, en Lutske Weiland
5 Bernlef Fr sjonger. Tinus Boonstra [=trochskrast]
– Martinus Jacobs Boonstra * Menaam, Bessebuorren 9-4-1917; sn fan Jacob Piers Boonstra, arbeider te Bitgum, en Menke Martinus Olivier
6 Heraut mei findel: Vrij ende Vriesch
7 Janco Douwema. Douwe vd Schaaf [=trochskrast] Sipke Kl Dykstra
– Douwe Dirks van der Schaaf, sjoch: Genealogy Van der Schaaf 1978 – X.4;
– Sipke Klazes Dijkstra * Bitgum 10-4-1914; sn fan Klaas Jisses Dijkstra, arbeider te Bitgum, en Sjoukje Piers Zijlstra
8 Eade Jongema. Sj E Bakker
– [?] Sjoerd Ædes Bakker
9 Heraut mei Prinsflagge.
10 Prins Willem de I van Oranje. Keimpe Wiersma [=Wierstra]
– Keimpe Jans Wierstra * Bitgummole 17-3-1914; gernier te Bitgummole; sn fan Jan Keimpes Wierstra, arbeider te Bitgummole, en Saapke Douwes van der Leest
11 Sjoerd fen Beima [trochskrast] Duco van Martena. Keimpe Wiersma [trochskrast] Tsjeard vd Schaaf [trochskrast]
– Tjeerd Douwes van der Schaaf, sjoch: Genealogy Van der Schaaf 1978 – X.8
12 Hartman van Galama. [trochskrast] Piter Brouwer [trochskrast]
– Pieter Gerbens Brouwer, sjoch dizze genealogy XV.4
13 Us Heit. Greve W L. Tinus Boonstra
14 Karel van Roarda. Arjen Brouwer
– Arjen Gerbens Brouwer, sjoch dizze genealogy XV.2
15 Eelke Ysbrandy griffier Fr Steaten. Lolke Dykstra
– [?] Lolke Dijkstra * Bitgum 15-5-1900, arbeider en gernier te Bitgum; sn fan Jacob Keimpes Dijkstra, arbeider te Bitgum, en Sipkje Jans Terpstra
16 Everaart van Reid skiuwer fen W L. Japik Keimpes Dykstra [trochskrast]
– Jacob Keimpes Dijkstra (Jappy) * Bitgummole 1917; gernier oan ’e Langestraat te Bitgummole; sn fan Keimpe Jacobs Dijkstra, arbeider, skipper en gernier te Bitgummole, setboer foar de Firma Hettema oan it Skieppedykje te Ljouwert, en Namkje Foekes de Jong
17 Teake Hettinga Tjerk Hiddes Fr Admirael. Douwe vd Schaaf [trochskrast] Haeye vd Schaaf
– Haye Pieters van der Schaaf, sjoch: Genealogy Van der Schaaf 1978 – X.39
18 Auke Stellingwerf. Japik Keimpes Dykstra
19 Kening Willem I. Jitse Stienstra
– [?] Jitse Stienstra * Menaam 23-10-1896, arbeider te Bitgum; sn fan Ynze Jelles Stienstra, gernier te Menaam en Bitgum, en Trijntje Jitzes Jansma

§ DE SLACH BY WARNS
De Slach by Warns is foar Brouwers in jierliks evenemint, mei it flaggeliet foar de âldere generaasje as besinning, foar jongerein yn letter tiden as earbiedweardige fertoaning. It giet om it betinken, mar minstens ek om de gesellige en gaoatise neisit op ’e boppeseal fan ’e herberch fan Kafee Speerstra te Warns en om it oerfloedich miel waarm iten yn Hotel De Wynberch te Warkum of Bolswert of it ieliten yn ’e houten keet op Galamadammen, mei it echte debat, en sa.

Al dollendewei yn ’e skiednis ûntdekt Reimer Gerbens II foar himsels dat de Friezen blykber yn 1345 de Hollanners ferslein hawwe. Goasse Groustra skriuwt hjiroeryn it Friesch Dagblad, ûnder de titel Ynitiatyf ta bitinken fan slach kaem út K.F.S. [Kristlik Frysk Selskip]. Hy stelt Gerben Reimers syn ûndersyksresultaten ûnder it kopke G.R. Brouwer lichtelik by, sa sil de dei fan ’e Slach net 25 septimber, mar in dei letter west ha, it plak is net Warns, mar Starum, it lân is nei alle gedachten net sompich en der komme by de slach gjin hynders oan te pas – Gerben Reimers en oaren ha mei har artikels de measte lju út de Fryske Beweging op it ferkearde spoar set:

Gerben Reimaers Brouwer II FD Warns
Friesch Dagblad, 16-9-1978
BROUWER Gerben Reimers I Groustra 1

En yn syn ferhanneling oer de Slach skriuwt deselde ferslachjouwer:

G.R. Groustra, De Slach by Starum 1345, side 87-88
G.R. Groustra, De Slach by Starum 1345, side 87-88

Boarne: G.R. Groustra*, De Slach by Starum 1345 – Biskreaun neffens de âldste boarnen, mei in oersjoch oer it foarkommen en it komôf fan de spreuk en de skiednis fan it oprjochtsjen fan de tinkstien op it Reade Klif, mei originele teksten; A.J. Osinga B.V., Boalsert, 1978, ISBN 90 6066 331 4
Goasse Groustra is in goede bekende fan ’e famylje troch syn skriuwerskip, de Fryske beweging en syn Fryslânreizen: reizen ûnder syn lieding nei Noard Fryslân om Noardfriezen en har taal en kultuer kennen te learen.

Yn Noardfryslân, maaie 1977; rjochts: de Noardfries learaar Alfred Boysen dy’t de knapen Roymer Brouwer, Tsjisse Hettema en Goasse Brouwer in knap mûlfol Moringer Frasch bybringt

Groustra giet syn eigen gong. It establishment hat in skalk each op him.
*Personalia: Gosse Rinse Groustra * Den Haach 1-1-1917 † Ljouwert 1-1-1996 [] Damwâld; sjoernalist, skriuwer, oersetter en Frysk beweger; sn fan Johannes Renzes Groustra, oargelbouwer en pianostimmer te Den Haach, en Trijntje Gosses Jilderda; x Swopkje Rodenhuis * Frjentsjer 1-11-1924 † Ljouwert 9-8-2006; tolk-fertaalster te Brussel.
Sjoch ek: Foeke Sjoerds; Johann Samuel Theissen (Berg-Gladbach 1874-Amsterdam 1936), Centraal gezag en Friesche Vrijheid – Friesland onder Karel V (dissertaasje, 1912) ISBN 9781246842098 

Gerben Reimers is allyksa ien fan ’e foarstapnimmers ta oprjochting fan it monumint op it Reaklif. Syn bern en bernsbern bouwe dêr entûsjast oan mei.
Pakesizzer Gerben Reimers III (XV.1.3) fertelt: ‘Pake sjocht deropta. Wy ite by de Roomse boer Dykstra op it Klif, ik rûk en priuw noch de lekker klear makke blomkoal, nei it krúskeslaan. Om de stien hinne bouwe wy in muorke, net ornearre as klaachmuorre.’
It gestiente is bestimd om noflik op te sitten; om te omheinen, net om te beheinen, net om út te sluten, enfin.

Gerben Reimers Brouwer II op it Reaklif
Op ’t Reaklif by it monumint foar de Slach by Warns yn oanbou. Links, jit yn ’e kûle: Goasse Groustra en Gerben Reimers III, rjochts, in ein hegerop: Durk Gerbens Brouwer. Fotograaf: wierskynlik ien fan ’e lju fan arzjitekt Arjen Witteveen
Gerben eimers Brouwer III op it ReaklifR
Gerben Reimers III oan ’e lodde: ‘Ik hie ek noch wol wat djipper dolle wollen.’ Op ’e achtergrûn it hok fan boer Dykstra, dêr’t letter de flaggen foar in jier yn bewarre wurde. Fotograaf: Goasse Rinse Groustra, fan dizze foto en dy hjirûnder
Reimer Gerbens Brouwer II op it Reaflik
Reimer Gerbens Brouwer III achter de pipegaal. Wifkjend stiet er hjir foaroer de ôfgrûn fan de kûle om syn lykwicht op ’e faaie planke te bewarjen
Slach by Warns sertifikaat. Yn ’e famylje swerve noch gâns eigendomsbewizen fan fjouwerkante meters op it Reaklif om

Oprop ta it ôfstean fan swit en sinten foard de Eare fan Fryslân:

Hjirûnder in skôging fan Gerben Reimers oer de Slach. Klik op it fragmint foar mear:

 


§ IT NET-FRYSKE FRIESCH GENOOTSCHAP
It Fries Genootschap van Geschied- Oudheid- en Taalkunde siket Gerben Reimers Brouwer II yn 1943 oan om him as lid te beneamen fanwegen syn ynset foar de Fryske taal- en kultuer. Hy wegeret dat; net allinne omdat it selskip har Fryske taal- en  kulturele oanslaggen yn it Hollâns bedriuwt, mar om’t it skerp posysje nimt tsjinoer de Fryske selskippen. Bedoeld wurde It Selskip for Fryske Tael en Skriftekennisse en It Kristlik Frysk Selskip. Fan it earste is Brouwer lid, yn it twadde warber. Dat wurdt ûnder oaren laat troch syn maten dûmeny Wumkes en Folkertsma.
Folkertsma is in grage gast by gâns Brouwers en sibben. Mar hy is grimmitich as Reimer en Rom Brouwer-Hannema út Bitgum nei de Noard Oast Polder ferfarre: Fryslân ferlitte is der fier by troch; Folkertsma sjocht dat as in soarte fan lânferrie. Hy sil net in stap yn Luttelgeest sette. Dat stekt Reimer en Rom, hy hat oan dan ta de loop yn Bitgum by har. Folkertsma is oars ûnfersteurber, yn ’e oarloch jout er neat om gefaren fan fleantugen, en rint er evenredich en rjochtlinich troch oarlochsfjilden op Bitgum ta – hy wol en sil nei de Brouwers, it ferlet oerhearsket, want se sprekke, nee raze, inoar ta – oer hoe’t it móat en síl mei Fryslân. Betiden mei barstend ferderfelik geweld ûnder gefaarlik iepen fizier – de keamer is te lyts. Mar it giet om harsels. En se wienen net lilk, sizze beide partijen letter. Der is gjin skuld.
As er dêr in kear útfanhûs is, arriveart Simke Kloosterman dêr allyksa – beskerme foar ’t sicht yn har foarnaam reau -, se lûke har hoeden mei har beiden even werom yn in aparte keamer. (GRBIII)
Spitich dat er net mear komt, ek omdat Folkertsma in alsidich en ûnderhâldend redendieler is, in tankber waarmmielrinder en foar froulju oer hoflik. As er bygelyks op ’e yn pleats ûnder St.-Jabik – it Bilt kin dan noch al – by Doekele Gerbens Brouwer en Anne Brouwer-Hettema útfanhûzet, hat er yn syn eagen in hele bêste âldeklonje foar har kocht en seit er mei foars lûd en tagelyk foarsichtich dan ferlegen: Frou! Mei ik jo dit offreare? Foar de lytse bern is er in ûntsachlike en spannende boeman as er mei syn grutte slaai ynienen fûl plat op ’e itenstafel slacht en ropt: Bots! Sa, dat de holle boarden op de platte boarden foar de eagen rattelje. Folkertsma laket bolderjend om de ferskrikte bernekopkes. In ysbaarlike, mar aardige man, hy siket kontakt – ek mei bern.
Hy komt himmel yn trijedelich pak oanwaaien as er werris by Geart Jonkman en Tsjits Jonkman-Nauta te Raard (Raarderhim) oan ’e Slotsdyk bifakkeard hat. Folkertsma krijt dêr colbert, bûsgroen, himd, broek, ûnderbroek en sokken fan Geart oan. Want as er by de Jonkmannen oansylt, stiet syn pak stiif fan ’e smoargens.
De mannen lûke har mei âlde kleare yn it sydkeammerke tebek, wylst Tsjits it guod fan Folkertsma bewasket en bedocht en itensiedt, mar dat kin noch wol even wachtsje. En ûnder iten heart Tsjits oan hoe’t it fierder sil mei Fryslân. (TJ-N)
Folkertsma swalket fierders fan kosthûs nei kosthûs. Ank Boomgaardt-Wartena nimt him ek in skoft op yn har húshâlding te Ljouwert.
Yn it Gasteboek fan Reimer en Rom beslacht syn hân gâns plak – en dy hantekening liket neigeraden grutter en grutter te wurden. As dizze trochtinker op ’e âlde dei dwylsinnige riten hat en yn it kranksinnigegesticht te Frjentsjer resideart, lijt er betiden oan in soarte fan ûnskuldige grutheidswaansin en waant er him by fleagen kening fan Fryslân. Spilet syn Uber Ich op? It is te let. Dat hie miskien sa gek noch net west, binne guon fan betinken: Folkertsma as koazen koaning – yn dy tiden.
Dronken lju en guon yn har bernskens beneame betiden pynlik besteklik wierheden. En oer it generaal rikt it eachweid fan har dy’t begeare te hearskjen ornaris ommers net folle fierder as it eigen betreklik beheind belibbingsterritoarium.

Hantekening fan Eeltsje Boates Folkertsma yn it Gesteboek fan Reimer Gerbens Brouwer III
Hantekening fan Eeltsje Boates Folkertsma yn it Gasteboek fan Reimer en Rom

Hjirûnder in tankbetsjûging fan Geart Aeilco Wumkes foar in lokwinsk mei syn acht krúskes.
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.


Transkripsje:

Huzum, 10.IX.1949.
Freon Brouwer,
âld strider!
Tige tank foar jins
hertlik skriuwen en goede
winsken op myn 80ste
jierdei dy’t ik mids bern en
bernsbern yn goede sounens
fiere mocht. It docht altyd
goed in goed wurd to hearren
fan ien dy’t jierrenlang mei
ús stie oan it front. En is
it net in wûnder dat de
bilofte wier makke wurdt
dy’t ik op ’e Akademydei1
yn oantinken brocht (Luk. 6:38)2?
En soks lâns seldsume paden,
troch breklik wurk bismodze
mei sûnde. Allegearre út
genede. Groetsjend,
     jins br. [broer] yn Xristo
G A Wumkes
1 Akademydei: byienkomst fan de Fryske Akademy  foar stipers en leden, meast mei in wittenskiplik ûnderwerp neist de húshâldlike besonjes. Wumkes is ien fan ’e Akademy-oprjochters
2 Lukas 6:38 – Jow en jimme sil jown wurde; in goede yntreaune, skodde en oerrinnende mjitte sil men yn jimme skurte jaen. Hwant mei hwat mjitte jimme mjitte sil jimme wer tametten wurde.

Mei ús strider oan it front, skriuwt Wumkes – paradoksaal-achtich midden yn ’e Twadde Weareldoarloch, en yn ’e maitydstimpel. Dizze frijfochten skepsels trochstean har striid om eigen wêzen omdat se yn mienskip leafhawwe – evensagoed frjemdelingen. Se binne sa’t skynt net elitêr bûn, gjin sosjologise klyk tagedien, de mieningsfrijheid sil dan net ûnderdrukt wurde en har fantasy bliuwt sûnder mear sûn, slacht net helendal op hol. Yn syn toarre tonielstikken fiert Gerben Reimers II as belicheming fan it jesels-wêzen de libbenslust op, koaning Redbad, yn ’e foarkeamer op ’e pleats oan ’e Menamerdyk, de fiktive leaveling bestiet, hy kreëart him, hy hat him sels skepen, hy hat him noarich, hy hâldt fan dy man, dy eigenste ferskining iepenbieret himsels, en hy trochsjocht dat selsbyld, en – omkeard – Redbad kin op Gerben Reimers II oan; dat betsjut foar him dan ek ynhearint: wês dysels, genietsje middelik fan dyn eigen beheinde en prachtige flesk en taal, belibje de wille no, it kin – wy binne mei-inoar frij, oer alle tiden hinne. Kies dyn bestean, azemet Redbad, en hy lûkt syn oantrekkelike teannen dy’t yn seldsume ferbûne paden mei syn holleplasse stean rjochtfeardich stilwei hillich út it kristelike doopfont wei.
– ‘Dan is ’t yn oarloch altyd maityd. – Ik weet ook wel getrouwe Heer, dat Gij hebt overwonnen.’ –
Anno 2021 komt it Koninklijk Fries Genootschap yn har orgaan De Vrije Fries mei in Redbad-nûmer út – by it wittenskiplik ego is gjin wurd Frysk
Yn 1953 wurdt it lidmaatskip fan it Friesch Genootschap Gerbens Reimers II op ’e nij oanbean en dan nimt er it oan: ‘om’t ik wyt dat der wol hwet foroaring
plak hawn hat’.

Hjirûnder in greep út de briefwiksel dêroer. De brieven fan Brouwer hjir yn byld, binne yn klad mei potlead skreaun.
Klik op ’e lytse plaatsjes.

Transkripsjes:
Bitgum 25 April 1943.
Heegachte Hear,
Yn antwird op jim skriuwen, om my op jimme earstkommende
gearkomst foar to dragen for de bineaming ta gewoan lid, ditte.
Mei alle wjurdearing for [it goede wirk=trochskrast] hwet it Fr genoatskip
dien hat, en noch docht, [for Fryslân= trochskrast] giet dochs hjar
stribjen net fjirder dan it: waken over oudheidkundige
en kunsthistorische [?] belangen in de Prov Friesland, in standhouding v Fr Museum
en behartiging van de Friesche Gesch. en taalkunde. Yn de Prov Fryslan, net hwet fen Fr is.
Dit is for my en alle man fen de Frysk Nasjonale biweging net genoch.
Dy wol net allinne biwarje, mar libje ut [al dy den ?=trochskrast] de tradysje fen
hjar folk, dy wol [ek=trochskrast] bikenne [?] it libbene Fryslân fen nou. Ek
ik fiel my bern fen dit folk, doch ek kar op alle gebiet for eigen
en winskje [?] en ljeau [en stribje nei=trochskrast] in Frysk Fryslân.
     Dat dit for it genoatskip of dien
het, en hja einlik de kar […] dien hawwe net for [dit folk=trochskrast]
Natio Frisica, mar for Hollân ef it Nederlansk, hoecht by al it
goede wirk dat hja diene for my noch gjin reden to wezen om it
lidwezen of to wegerjen [?]. Mar omdat [faker as ienris=trochskrast] yn ’e leste jierren
faker as ienris utkommen is dat, it Fr genoatskip [of=trochskrast] yn elk gefal
ek [binnen lieding fen ?=trochskrast] lieding jaende lju derfen, net allinne yn
ofwyzend, mar skerp posytsje nimme tsjinoer de Fr Nat Selskippen en jinge [?]
formiddens, en hjar lieders dy’t de Frysk Nas biweging fertsjintwirdiget [?]
kin ik my sels net oars as jimme forsykje my net voor to dragen
as lid fen it Genoatskip. Hienen jim [ek al=trochskrast] faeks gjin biswier, ik al.

Antwurd op ’e brief fan Rudolph Cleveringa en jonker Cees van Eysinga, foarsitter en skriuwer fan it Friesch Genootschap, d.d. 9 april 1954:
Undertekene winsket wol lid to wirden fen it Friesch Genoot
schap.
Dochs wol ik hjir efkes in forklearring by jaen.
Do’t ik foar jierren in skriuwen fen de hear Dr Guibalkrige om
my foar to dragen as lid fen it Genoatskip, haw ik der foar bitankje
moatten. Reden der foar wierne: dat ik wol alle wirdearring hy [hie] foar
it wirk fen it Genoatskip op it med fen Skydnis, Aldheid en Taelkinst
fen Fryslan, mar dochs merkbiet, dat foar de [stryd Nasjonale=trochskrast]
Frysk Nasionale stryd fen it Fryske folk fen nou, (it libbene Fryslân) gjin
eag hy, ja der faeks [tsjin yn gie=trochskrast] fyannich tsjin oer stie. Ho en hwet, en
wer yn, hoech ik net allegearre oan to heljen, mar om’t ik wyt dat der wol hwet foroaring
plak hawn hat, alteast net mear in halding lykas foarhinne, tsjin oer de fraechstikken
fen nou, kin ik my foardrage litte as lid fen it Friesch Genootschap. 

Boppe-oan de brief stiet:
Foar jierren, (do’t it Frysk forbean waer) mei brief wegere, nou op it op ’e ny foar
droegen as lit, troch har bistjur, mar tastimming jown.

1 Cornelis Jan Guibal (Grins 24-2-1892-Ljouwert 14-7-1957), histoarikus, learaar skiednis en skriuwer fan it Friesch Genootschap. Gerben Reimers II nimt yngeand kennis fan Guibal syn proefskrift Democratie en Oliegarchie in Friesland tijdens de Republiek (Assen 1934).

Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

§ SEIS MAN STERK
Gerben Reimers stiet yn syn striid om himsels te wêzen, net allinne. Se binne uteraard elk op eigen wize seis man sterk, de Bitgumer Brouwers – en eigensinnich, gelukkich.

Gerben Reimers Brouwer mei syn fiif soannen
Gerben Reimers Brouwer mei syn fiif soannen: Arjen, Durk, Reimer, Doekele en Piter, yn ’e foartún by de pleats op ’e Menamerdyk. De foto is nommen op ’e troudei fan Piter en Japke

Gerbens Reimers klimt faak nei boppen op ’e tribune fan ’e Provinsjale Steaten. Hy wurdt sels noait steatelid. Dat sil in hele ris fan oarsaken hawwe: te eigensinnich, te frysksinnich en poer ongeskikt foar it politike gedraai, foar dit Shakepeariaansk toniel is de man net skepen; de wrâld wol him net ha, taskôgjen hâldt hast net op. Dizze selsbeskikte ûnôfhinkele genietet yn mienskip mei syn dierbere meiminsken út alle lagen hyltyd eigen foarstendom.
Ek mei er mei syn soannen út en troch jerne de hannelingen fan ’e Steaten Generaal oanskôgje. Durk en Piter fungeare as sjauffeur.

Piter, Arjen, Reimer en Durk Brouwer op it Binnenhof te Den Haach
Piter, Arjen, Reimer en Durk Brouwer by it Binnenhof te Den Haach. Even út de Twadde Keamer – heit en Doekele kinne dêr net by wei

§ IT JUBELJEN STIET GEDRUKT
As Germ en Anne har sulveren brulloft betinke, wurdt dat fleurich en gepast fierd mei in resepsje en feestjûn anneks tinkútjefte. Sokke boekjes binne yn dit fermidden by dizze gelegenheden húsriem; it is in grienmank fan grappige stikjes, stichtlike sangen en fermaaklike ferskes. Yn in otterdoks kalvinistysk fermidden is it brûken fan Frysk yn dit domein gjin wenst. De Winterjounenochten fan Waling Dykstra c.s., en letter, binne meast frijsinnich-liberaal. Jongfriezen en Nijfriezen achten it ‘te folksk’.

It gehalte fan it tinkboekje fan Gerben Reimers II en Anne bygelyks, lycht der net om. De earnst wikselet de koartswyl: freugde en blydskip sille hja dielhaftich wurde, neffens har geboarterjocht.

Sjoch foar lyksoartige aardichheden: Genealogy Van der Schaaf:

Klik op ’e titelside om troch te blêdzjen.
Druk op de pylkjes oan ‘e sydkanten.

De redaksje fan dit tinkboekje is fan Piter van Tuinen, man fan Durkje Brouwer, sweager fan Germ en Anne, en fan Jabik van der Schaaf, soan fan Arjen Durks van der Schaaf en Tryntsje Sybrens van Tuinen. 

§ IN MEMORIAM
Anne van der Schaaf ferstjert 16 april 1957 yn it Diakonessehûs te Ljouwert.

Gosliga-bibel 1


Gerben Reimers skriuwt yn in famyljebibeltsje fan syn mem Nynke Gosliga in In Memoriam foar syn frou Anne (sjoch hjirûnder, twadde blêd). Hy hie dêr in pear dagen earder in oantekening yn makke oangeande it ferstjerren fan syn pake Jabik Klazes Gosliga, dat in oanfulling is op in Gosliga-famyljeregister yn dy bibel (earste side).

Brouwer - Gosiga-bibel
Gerben Reimers II syn skriuwen yn it Gosliga-bibeltsje

Transkripsje:
In dei of 5  nei dat ik dit foarige skreaun hy[hie], is myn allerleafste frou Antsje Durks van der Schaaf yn har Heare rest.

Do’t ik sa mar ris op in joun dat ik fen Ljouwert werom kaem, myn eag op dit boekje foel, en mar drean waer om dit der yn to skriuwen (omdat it ein untbriek) hy ik dochs net tocht, dat myn frou 5 dagen letter net wer by komme skoe fen in operaesy to Ljouwert, mar by har Heare en God yn de hearlikheid wekker wirden is.
Him dy’t op ’e troan sit en it Laem dat slachte is, komt alle lof en oanbidding ta oan ’t yn Yvichheid.
G R Brouwer 
15/5 1957

Gosliga-bibel
Famylbibeltsje fan Nynke Gosliga
As Gerben Reimers stjerre sil kloppet er mei syn stôk op it bedskut en ropt syn dochter Nynke. Dy stiet yn bestân om nei de tillefoan ta en dokter te beljen, mar besint har en fangt har heit syn lêste wurden op: God mei Fryslân, Kristus foar alles
  
Gerben Reimers Brouwer rou-advertinsje 2
Gerben Reimers Brouwer rou-advertinsje 3

Oarspronklike grêfskriften fan ’e lizzende sânstiennen sarken:
HJIR LEIT/OAN’T DE DEI DAT KRISTUS KOMT/IT STOFLIK OERSCHOT/FAN ÚS LEAVE HEIT/GERBEN REIMERS BROUWER/BERNE 11-11-1886/YN SYN HEARE RÊST 17-2-1961/TO BITGUM/HWENT ÚT HIM EN TROCH HIM/EN TA HIM BINNE ALLE DINGEN/OAN HIM DE HEARLIKHEIT/YN IVICHHEIT. AMEN/ROM. II:36/

HJIR LEIT OAN’T DE DEI DAT KRISTUS KOMT,/IT STOFLIK OERSKOT/FAN ÚS LEAVE FROU EN MEM/ANTJE DIRKS/ V. D. SCHAAF/BERNE 26-8-1886/TO BITGUM/YN HAR HEARE RÊST 15-4-1957/OAN HIM DE HEARLIKHEID YN IVICHHEIT. AMEN/ROM. II:36/


GENERAASJE XV
XV.1 Reimer Gerbens Brouwer * Menaam (op Bitgumer terp, Buorren 10) 7-4-1912 † Menaam, Nij Statelân, 2-3-2001 [] Bitgum r. 19, gr. 4; gernier (30 pûnsmiet) te Bitgum op it âlderlik stee (Buorren 10); sûnt 1954 túnbouwer oan ’e Kalenbergerweg 6-1 te Luttelgeest, Noard Oast Polder;
folget foar de Twadde Wrâld Oarloch in oplieding op de Folkehøjskole te Hoptrup, Denemarken, û.o. oangeande de Noardfryske Beweging (anty Nasjonaal Sosjalisme); skriuwer Ried for Greatfryske Saken;
1947-1953 gemeenteriedslid fan Menameradiel foar de Partij van de Arbeid – Reimer Gerbens III is in man fan de Trochbraak.

Reimer Gerbens Brouwer jr geboarteadv
It kin better, Frysk komt letter 

x Hinnaarderadiel 11-7-1939 Romkje Hannema (Rom) * Wjelsryp 9-4-1915 † Menaam, Nij Statelân, 4-4-2007 [] Bitgum r. 19, gr. 5; folget in oplieding op in naaiskoalle te Frjentsjer; dr fan Johannes Romkes Hannema, fûraazjehanneler te Wjelsryp, tsjerkeriedslid, lid skoalbestjoer, oprjochter en foarsitter muzykkorps Concordia, ridder yn ’e Oarder fan Oranje Nassau, en fan Maaike Jans Goslinga, winkelfrou te Wjelsryp
Sjoch: Genealogy Hannema – VII.4.1.5

Reimer Gerbens Brouwer en Rom Hannema troufoto
Reimer Gerbens Brouwer en Rom Hannema
Famyljefoto gesin Reimer Brouwer en Rom Hannema
Gerben Reimers Brouwer III, Nynke, Reimer Gerbens III, Maeike, Durk, Johannes Ulbe, Hike, Romkje Hannema en Anne
 
Nynke, Durk en Anne Reimers Brouwer foar hûs te Luttelgeest
Nynke, Durk en Anne oan ’t gekjeien yn ’e tún te Luttelgeest
Antsje Arjens Brouwer, Nynke Reimers, Hike Reimers, Aukje Arjens, Anne Reimers en Durk Reimersu
Op sneintemiddei dûnsje yn ’e tún. Antsje Arjens Brouwer, Nynke Reimers, Hike Reimers, Aukje Arjens, Anne Reimers en Durk Reimers
Reimer Gerbens Brouwer III foar de skuorre te Luttelgeest
Reimer Gerbens Brouwer III foar de skuorre te Luttelgeest. It túnboubedriuw beslacht 12 ha.; ierdappels, rapen, sipels, biten, en wat ierdbeien


Bern:

1 Deaberne jonkje * en † Bitgum 1940 [] Bitgum
2 Maeike Brouwer, folget XVI.1 

3 Gerben Reimers Brouwer * Menaam (op Bitgumer terp, Buorren 10) 14-12-1942; doktoraal Arbeidsrjocht en Rjochten Sosjale-sekerheid Universiteit van Amsterdam; jurist te Amsterdam, sûnt 2004 te Frjentsjer, letter te Snits
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Byldzjend wurk – Gerben R. Brouwer

Gerben Reimers Brouwer 1942
Gerben Reimers Brouwer. Rjochts in skilderij fan syn hân; Winterlânskip, oaljeferve op doek, 50×60 sm, 2017. Fotograaf: Anne Brouwer

4 Johannes Ulbe Brouwer, folget XVI.2
5 Anne Brouwer, folget XVI.3
6 Nynke Brouwer, folget XVI.4  
7 Hike Brouwer, folget XVI.5 
8 Durk Reimers Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 10-8-1953; 1970-’75 freeweeler, stickyblower en fabryksarbeider, swabberjende tusken Amsterdam en Grins, altemets ferkiezende yn ’e stêd Ljouwert te wêzen; boardewasker Paal 8 op Skylge; sûnt 1975 employee Raad van Arbeid te Amsterdam, sûnt 1983 idem Ziekenfonds Leeuwarden Sneek (ZLS), wenjend op Tsjeppenboer ûnder Wjelsryp, sûnt 1985 op Bessebuorren te Bitgum; idem 1990 De Friesland Zorgverzekeraar te Ljouwert, wenjend te Blessum; bestjoerslid iisferiening De Trije Doarpen te Bitgum; idem Iepenloftspul Menameradiel; idem Oratorium Vereniging Emanuel te Frjentsjer;
sjoch: Tsjerkepaad 2017; Keunstwurk – Dwars door de winter – Durk Brouwer – (fideo: Margriet Reinalda; útfiering: Durk Brouwer); Friesch Dagblad, 7-2-20121: Durk Brouwer zorgde voor reuring in Blessum Erfgoed Fundaasje – Byldzjend wurk – Durk Brouwer
x Menameradiel 28-8-1989 Margriet Reinalda * Ljouwert 19-5-1955; administratrise, byldzjend keunstner, sjoch: Margriet Reinalda; Installation; Keunstwurk; Kunstroute Heerenveen; Artolive; Vimeo; Blessumers over hun kerk; dr fan Riemer Louws Reinalda, sjirurch te Ljouwert, en Lies Schiphorst (Liekje)

XV.2 Arjen Gerbens Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 6-9-1915; gernier te Bitgummole; de húshâlding ferfart 16-4-1947 nei Emmeloord yn it Suderleech, Noard Oast Polder, se wenje as pioniers yn in houten keet yn it saneamde Túndoarp, it lettere Emmeloord, yn 1950 bifakkeare se tydlik yn in pleats te Espel, dêrnei hiere se in hûs fan Hettema Zonen oan ’e Yndustrywei, yn 1954 sette se har nei wenjen oan ’e Skokkerwâl;
Arjen Brouwer is twa jier yn tsjinst fan ’e direksje W.M./N.O.P.-wurken-kultuer; op 3-6-1947 wurdt er troch de N.A.K.-kommisje (Nederlandse Algemene Keuringsdienst) beneamd as ien fan ’e trije earste keurmasters yn ’e N.O.P.;
hy hiert yn 1949 foar eigen rekken, trije jier los lân fan dy direksje foar de ferbou fan setierdappels en begjint mei de hannel yn set- en konsumpsjeierdappels (foar in hoart ek yn ’e mande mei Hettema Zonen);
Arjen en Yke ferfarre yn 1966 nei Wâldsein; 1968-1978 meiwurker bûtentsjinst Centraal Bureau voor de Statistiek (C.B.S.); yn 1993 ferhuzing út Wâldsein nei Nijlân State te Ljouwert;
24-1-1946 mei-oprjochter iisferiening De Trije Doarpen Bitgum;
22-5-1959 mei-oprjochter en bestjoerslid fan de Verenigde Bond van Nederlandse Aardappelhandelaren (V.B.N.A.), ôfdieling N.O.P.;
besjoerslid Kristlik Frysk Selskip; 1968 lid deistich bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging;
1968 bestjoerslid doarpshûs De Driuwpôle te Wâldsein;
1979-1988  lid Pseudokommisje (=skiednisboekkommisje Bitgum);
x Ljouwert 7-11-1944
Yke de Jong * De Jouwer 8-5-1919 † Ljouwert, Nijlân State, 10-3-1997 [] Bitgum, r. 18, gr. 9; fan 1942 oant 7-11-1944 ûnderwizeres oan ’e Kristlik Nasjonale Skoalle te Bitgummole, moat neffens de wet mei har trouwen de brui oan har berop jaan; dr fan Kornelis Pieters de Jong, (banket)bakker op ’e Jouwer en te Huzum, en Aukje Gerrits Woudstra

Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong troufoto
Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong
Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong
Op ’e troudei fan Knillis Brouwer en Loes Bergstra: Aukje, Guus van Dam, Gerben, Yke de Jong, Knillis, Antsje en Arjen Gerbens. De foto is nommen yn ’e âlderstún te Wâldsein
Knillis Brouwer
Arjen Gerbens Brouwer. Oaljeferve op doek troch syn soan Knillis

Bern:
1 Aukje Brouwer, folget XVI.6
 

2 Antsje Brouwer (Anne) * Bitgummole 23-1-1947; groepsliedster; sekretaresse; sûnt 1992 tsjerklik wurker op ferskate plakken, û.o. te Hilversum
3 Gerben Arjens Brouwer
* Emmeloord, yn it sikehûs, wenjend te Espel, 28-1-1950; elektro-monteur; 1970 ferpleger te Frjentsjer; 1973 ljochtmaster by De Harmonie te Ljouwert;
w.m. 1979-1995 Anny Kooiker * Minnertsgea 25-7-1955; groepsliedster te Snits; dr fan Pieter Kooiker, skilder Leeuwarder Autobus Onderneming (LABO) te Minnertsgea, en Geeske Holtrop 
4 Knillis Arjens Brouwer, folget  XVI.3 

XV.3 Doekele Gerbens Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) † Bitgum, De Tolve 43, 29-3-1989 [] Bitgum, rigel 17, grêf 15; ierdappelkweker en gernier te Bitgum oan ’e Berltsumerdyk 18; sûnt 1953 bouboer en ierdappelkweker te St.-Jabik, Westerdyk 361; sûnt 1965 idem te Bitgum op de Twa Damkes, It Bosk 8, dêr ek bollekweker;
-tsjerkeriedslid Griff. Tsjerke St.-Jabik;
-foarsitter skoalbestjoer Kristlik Nasjonale Skoalle dêr;

-sûnt 1963 foarsitter Bibelferkeapkommisje Net fan Brea Allinne fan it Kristlik Frysk Selskip
-haadbestjoerslid Kristlik Frysk Selskip;

sûnt 1975 lid Frysk Oekumenysk Wurkferbân Hjerbeam;
-bestjoerslid Christelijke Boeren en Tuindersbond (C.B.T.B.);
-bestjoerslid wetterskip De Zuidwester Polder, St.-Jabik;
-idem De Hovenster Polder dêr;
-sûnt de oprjochting yn 1962 foarsitter Werkgroep Mechanisatie en Rationalisatie in de Landbouw fan ’e Rijks Landbouw Voorlichtings Dienst; oare bestjoersleden binne: Abe Gerlsma, oprjochter en skriuwer, Hendrik Hoekstra, Bauke Lettinga en Piter Post, boeren en ierdappelkwekers te St.-Jabik, Ouwesyl en Seisbierrum; yn dit fermidden wurdt de snarebêd-ierdappelsetmasine ûntwikkele, makke by Structural fan Hindrik de Vries te St.-Anne.
At Gerlsma ophoudt, komt foor him ’n Miedema in ’t plak as betaalde kracht deur ’t Ryk, dat duurt soa’n fier jaar; dêrna wordt de fernijing in ’e meganisasy meer en meer overnommen deur smederijen en febryksmatig deur meganisasybedriven, soa as Bijlsma te Stiens en Miedema te Winsum. De bouboeren he d’r ok gyn tiid meer foor. Nageraden het de Meganisasy Kommissy ’n slapend bestaan en wordt ’t instituut in 2021 opheft at ’t an de foorsitter fan ’t tweede uur, Piet Hoekstra, seun fan Hendrik Hoekstra, lait. (PHH)
-bestjoerslid 1966-1988 en kommissaris Fobek;
-1968-1980 foarsitter Ruilferkaveling Berltsum – oare bestjoersleden: Klaas J. Hamer (skriuwer), Jurjen Koopal, Ulbe Runia, Ernst Wiersma en S. Wiersma;
-bestjoerslid begraffenisferiening De Lêste Eare Bitgum; idem Bitgumer Formidden;

x Menameradiel 10-6-1943 Anna Hettema (Anne, Anny) * Menaam, Berltsumerdyk 18 te Bitgum, 24-6-1919 † Ljouwert, De Hofwyck, 2-9-2011, [] Bitgum rigel 17, grêf 14; dr fan Tjitze Hettes Hettema, boer en ierdappelkeapman en –eksporteur te Bitgum en Ljouwert, dir. Hettema Zonen N.V., en fan Geertruida Hermanus Offringa, as widdo kommissaris Hettema Zonen; Anna is in suster fan Magdalena XIV.6
Sjoch: Stambeamke Hettema

Doekele Gerbens Brouwer en Anna Hettema troufoto
Doekele Gerbens Brouwer en Anne Hettema, yn fol ornaat en sachte side
Húshâlding Doekele Gerbens Brouwer en Anna Hettema
Gerben Doekeles Brouwer, Anne Hettema, Geartrude, Goasse, Antsje, Roymer, Tsjisse, Doekele Gerbens en Dieuwke.
Fotograaf: Foto Mellema, Ljurkstrjitte 1, Ljouwert
e Graanstra.
Berltsumerdyk 18 te Bitgum. Yn dit bertehûs fan Anne Hettema begjint Doekele Gerbens te gernierkjen. Har earste fjouwer bern wurde hjir geboaren. Letter wenje hjir Piter Gerbens Brouwer en Japke Graanstra, har earste fiif bern komme hjir allyksa te wrâld
Westerdyk 361, letter Westerweg 19 ûnder St.-Jabik. Hjir buorkje Doekele Gerbens-en-dy, Piter Gerbens-en-dy en Roymer Doekeles. Tsjisse, Roymer en Goasse en Geartsje Anne Brouwer binne hjir geboaren. Foto: Luchtfoto Nederland
Twa Damkes Bitgum
De Twa Damkes tusken Bitgum en Bitgummole. Yn dit âlderlik hûs fan Anne Hettema wennet de húshâlding sûnt 1965. Op dit libbendich stee is noait ien geboaren, wol ferstoarn. Fotograaf: Luchtfoto Nederland

Bern:
1 Geartrude Brouwer, folget XVI.4
 
2 Gerben Doekeles Brouwer * Bitgum, Berltsumerdyk 18, 9-9-1945 † Grins, Akademysk sikehûs, 10-12-1970 – autoûngeluk ûnder Seisbierrum 9-12 [] Bitgum, rigel 16, grêf 2; ûnderwizer te Hallum en Seisbierrum; foarsitter Kristlik Fryske Jongerein
3 Antsje Brouwer, folget XVI.5
4 Dieuwke Brouwer
* Bitgum, Berltsumerdyk 18, 8-3-1950
St.-Anne 9-11-2022, [jiske Bitgum, rige 17, 14 en 15, de grêven fan har mem en heit, kremeard Andringa state, Marsum];
oplieding Jelburg te Baarn; haad Stichting ‘Hallum’ foar maatskiplik wurk en gesinsfersoarging (Stichting Gereformeerd Maatschappelijk Werk en Gezinsverzorging); Gestalt-terapeut

Dieuwke Brouwer. Titel: Entre as folhas (Tusken de blêden); 22 x 22 sm, 1974; yn ’e tún op ’e Twa Damkes te Bitgummole, 1974.
Fotograaf: Josè Manuel Rodrigues, Amsterdam; sinjeard rjochts ûnder: JMR 74
Ferske foaryn En marge – Fersen, Sybe Sybesma.
Dizze fjouwerrigel is – mei lytse wizigingen – opnommen yn ’e bondel Op ’e rânne, side 9.
Bosch & Keuning n.v., Baarn, De Tille b.v., Ljouwert ISBN 90 246 4280 9
Ferske fan Sybe Sybesma op los papier
Ferske foaryn Op ’e rânne, Sybe Sybesma,
Bosch & Keuning n.v., Baarn, De Tille b.v., Ljouwert ISBN 90 246 4513 1
Akwarel fan Dieuwke Brouwer;
32 x 52 sm., net sinjeard, net dateard,
brûkt op ’e roubrief en tekstboekjeby it ôfskie

5 Tsjisse Doekeles Brouwer * St.-Jabik, Westerdyk 361 (Westerweg 19) 25-3-1953; stúdzje Nederlânske Taal- en Letterkunde Ryks Universiteit Grins; bouboer en ierdappelkweker te Bitgum, dêr fokker fan Fryske hinnerassen; kommissaris FOBEK; mei-oprjochter en foarsitter ‘Skaekklub Bitgum’; foarsitter Frysk Nasjonale Partij Menameradiel

Brouwer Tsjisse Doekeles Liuwesingel
Liuwesingel 6 te Bitgum. Tsjisse Doekeles Brouwer buorket op it bedriuw fan syn pake Tsjisse Hettema. Hjirboppe in reklamekaart út begjin 30er jierren fan ’e foarige iu, noch sûnder loads dy’t dêr letter oan ’e rjochterkant set is. It wenhûs wie ornearre foar de bedriuwslieder. Tsjisse Brouwer hat de bedriuwsromten mei trije ferdjippingen foar opslach fan setierdappels en klonen – nije ierdappelrassen – yn oarspronklike styl en steat restaureare litten. Hjir hawwe foar him wenne Dieuwke en Goasse Brouwer. Sjoch: Hettema reklame – 

6 Roymer Doekeles Brouwer (by de berte ynskreaun as Reimer) * St.-Jabik, Westerdyk 361 (Westerweg 19), 13-4-1955; bouboer en ierdappelkweker te St.-Jabik; gasthear fan De Reidikker, Bêd en Brochje op it Murnzer Klif;
w.m. Baukje Jentjes Miedema * Mellinga state ûnder Stiens 8-1-1955; learares ekonomy; skriuwster fan lesmateriaal Stichting BIT; skriuwster fan fiksje; gastfrou fan De Reidikker; lid Komitee Iselmar sûnder Sânwinning; bestjoerslid Instituut voor Natuureducatie  ôfdieling Súdwest-Fryslân; dr fan Jentje Joutes Miedema, bouboer op Mellinga state ûnder Stiens, en fan Saakje Jans Bierma, bouboerinne op Mellinga state, byldzjend keunstner
Sjoch: Baukje MiedemaSânwinning Iselmar –  Ferset sânwinningGjin sânwinning – 
7 Goasse Doekeles Brouwer
* St.-Jabik, Westerdyk 361 (Westerweg 19), 13-4-1955; bouboer te Bitgum 1975-’77, 1979-’80; 1980 stúzje Deensk en Rjochtsskiednis, 1983-’86 doktoraal Fryske Taal- en Letterkunde Ryks Universiteit Grins (beëidigd tolk-fertaler Deensk en Frysk); 1986-’97 redakteur tydskrift Frysk en Frij; 1997-2019 learaar Frysk en Nederlânsk; sûnt 1992 dir. Stichting Utjouwerij Frysk en Frij en 2009 idem Stichting Erfgoed Fundaasje; mei oprjochter yn 1972 en oant 2004 skriuwer Alfdfaars Erf, feriening foar Doarpsskiednis te Bitgum; 1976-1988 skriuwer Pseudokommisje (=skiednisboekkommisje Bitgum)
; 2002 redakteur Wurkgroep Kultuerhistoaryske fytsrûte Menameradiel

XV.4 Pieter Gerbens Brouwer (by de berte ynskreaun as Pieter, hy skriuwt himsels Piter) * Menaam (op Bitgumer terp, Buorren 10) 13-10-1919 † Bitgum, De Kamp, 18-10-1991 [] Bitgum; bouboer op syn âlderlike pleats mei syn broer Durk (wenjend Berltsumerdyk 18, sûnt 1953 Buorren 10); bedriuwslieder foar syn broer Doekele te St.-Jabik;
frijwilliger by it Frysk Bataljon yn Indonesië (soldaat 1e klasse, 1e Kompanjy 1-9, R.I.-Rezjimint Ynfantery); bestjoerslid Bond van Wapenbroeders – ôfdieling Berltsum; f0arsitter Kristlik Nasjonale Skoalle St.-Jabik, idem Plaatselijk Belang St.-Jabik;

x Eaststellingwerf 1-7-1950 Jacobje Graanstra (Japke) * Haulerwyk 17-12-1925 † Menaam, Nij Statelân, 14-11-2009; dr fan Ynse Ynses Graanstra, arbeider mei komelkerij te Haulerwyk, en Geertje Klazes Duursma

Pieter Gerbens Brouwer en Jacobje Graanstra troufoto
Piter Gerbens Brouwer en Japke Graanstra. Fotograaf: Comello en Zoon, Noarderbuert 35, Drachten

Bern:
1 Deaberne jonkje [] Bitgum rigel 10, grêf 6
2 Gerben Pieters Brouwer, folget XVI.4 
3 Geartsje Brouwer * Bitgum, Buorren 10, 6-10-1958 † St.-Jabik, ferdronken yn ’e Westerfeart, 17-5-1967, 8 jier, [] Bitgum rigel 10, grêf 6
4 Anne Brouwer * Bitgum, Buorren 10, 30-8-1961 † St.-Jabik, ferdronken yn ’e Westerfeart, 17-5-1967, 5 jier, [] Bitgum, rigel 10, grêf 6
5 Ynse Brouwer, folget XVI.5 
6 Geartsje Anne Brouwer * St.-Jabik, Westerweg 19, 4-9-1968; hat Syndroom fan Down, wennet sûnt 1990 yn Martenahiem te Frjentsjer, as tuskenplak even op it Ankerplak, sûnt novimber 2020 yn Keningstate 1 te Frjentsjer

Grêfskrift:
BY HJAR EARST BERNE BROERKE/BIN HJIR BIIERDIGE/GEARTSJE EN ANNE/ALD 8 EN 5 JIER/17-5-1967/ST. JABIK/LEAVE FAMKES FAN/P. BROUWER/J. BROUWER-GRAANSTRA/GODS LEAFDE WOE HJAR LIEDE/DRAGE ÚT IT IERDSKE WEI/YN SYN IVICH LJOCHTE DEI./


 

GENERAASJE XVI
XVI.1 Maeike Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 6-9-1941; ferpleechster, 1959-’63 te Meppel; fierders respektivelik te Kopenhagen; Amsterdam; Barkingsite, London; Aigle en Verbier (Switserlân); Negba, Jeruzalim en Naharia yn Israel; yn Diakonessesikehûs te Ljouwert; en sûnt 1990 te Almere;
x Amsterdam 27-1-1975 Moshe Samoocha * Bagdad, Irak, 10-11-1947; masterstúdzje Ekonomy, Statistyk en Business-administration Universiteit Jeruzalim; administrateur te Ljouwert en Amsterdam; sn fan Jitzgak Samoocha, boekhâlder te Bagdad en sûnt 1951 yn Israel, en Perga Batat, beukerliedster
Bern:
1 Jonatan Samoocha
* Jeruzalem 4-7-1976; masterstúdzje Keunstmjittige Yntelliginsje oan de Universiteit van Amsterdam; proefskrift: Running Deciphered; eigner buro yn keunstmjittige yntelliginsje te Amersfoort;
Sjoch: Jonatan SamoochaHacking fitnessComparing Apples to Apples
w.m. Fleurtje Eliza Duivis (Fleur) * Almere 18-6-1977; stúdzje Keunstakademy te Utrecht; byldzjend keunstner; dr fan Frans Steutel en Liesbeth Duivis
Sjoch: Fleur Duivis
2 David Samoocha, folget XVII.1

Moshe Samoocha en Maeike Brouwer
Moshe Samoocha en Maeike Brouwer yn Israel
Jonathan Samoocha en Fleur Duivis
Jonathan Samoocha en Fleur Duivis

XVI.2 Johannes Ulbe Brouwer (Ulbe) * Bitgum (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 8-1-1945; doktoraal Psychology Vrije Universiteit te Amsterdam; eksperiminteel psycholooch; wittenskiplik meiwurker oan ’e Universiteit van Amsterdam; lid sikehúsrie, wenjend te Ermelo; sjoch: Ulbe Brouwer
x Ermelo 11-12-1981 Anske Both * Epe 19-7-1951; dosint Personiel en Organisaasje Hegeskoalle Windesheim te Zwolle; dr fan Willem Both, fûraazjehanneler te Epe en Breda, dêr ek makelder, en Pietertje Neeltje Sterk, ûnderwizeres te Leerdam
Bern:
1 Rense Ulbe Brouwer
* Utrecht 1-12-1988; doktoraal Politikology en Organisaasjewittenskippen Vrije Universiteit te Amsterdam; businessconsultant te Amsterdam

Rense Brouwer, Anske Both en Ulbe Brouwer
Rense Brouwer, Anske Both en Ulbe Brouwer

XVI.3 Antsje Brouwer (Anne) * Bitgum (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 14-5-1947; ferpleechkundige te Meppel en Amsterdam; hat byldzjend wurk eksposeard yn AMC te Amsterdam, De Spylder te Warns, Atelier Open te Amsterdam;
sjoch: Erfgoed Fundaasje – Byldzjend wurk – Anne Brouwer
1979-2002 lat-relaasje mei Bram Kal * Djakarta, Bethesdasikehûs, Indonesië 2-9-1942; anastesist Slotervaartsikehûs te Amsterdam; idem Australian Healthcare Association, te Oz; sn fan E
mile Theodore Kal (Miel), arts oan de Burmaspoarline, húsarts te Ruurlo, en Jeanne Bertha Pompe van Meerdervoort, apotekersassistinte
Bern fan Anne Brouwer en Henk de Jong:

1 Edith Brouwer, folget, XVII.2

Brouwer Rom, Anne, Edith, Sophie
In fjouwergeslacht. Sophie van Tilburg, Anne Brouwer, Rom Hannema en Edith Brouwer
 

XVI.4 Nynke Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 30 april 1949; kandidaats Kulturele Antropology Vrije Universiteit te Amsterdam en stúdzje Nederlâns Dosinteoplieding Ubbo Emmius te Ljouwert; dosint;
x 1 Amsterdam 10-8-1970 (skieden Arrondissemintsrjochtbank Amsterdam 5-7-1978), Cornelis Gerardus Adrianus van der Staak (Kees) * Diessen 22-11-1945; amtner Gemeentlike Universiteit te Amsterdam; idem by de Provinsje Fryslân te Ljouwert; idem te Amsterdam, Muiden, Weesp, Huizen; sn fan Adrianus Franciscus van der Staak, doarwarder, en Petronella Wagenaars
x 2 Ljouwert 27-7-1993 Sikke Doele * It Hearrenfean 1-2-1942 † Ljouwert 29-6-2002 [] Hoarne, Schylge; sjoernalist keunstredaksje Leeuwarder Courant; dichter en proazaïst; sn fan Halbe Doele, mei-oprjochter en earste direkteur Folkshegeskoalle Schylgeralân, mei-oprjochter bewegingsblêd De Stiennen Man, en fan Grietje Bokma, mei har man fersetsstrider, sjoch:
Humanitarisme –
Publikaasjes: poëzy: It swiet geniet (1977), Longereilân (2002); ferhalebondels: De gouden teeman (1999), It apparaat (2003); roman: De messeslikker (2001); Swartwitte tijden, mei Piter Doele (boek mei Jazzfoto’s); sjoch: Sikke Doele Sikke Doele-Sirkwy
Bern út it earste houlik:
1 Jessica van der Staak, folget XVII.3

Nynke Brouwer en Kees van der Staak
Nynke Brouwer en Kees van der Staak
Nynke Brouwer en Sikke Doele tekenje de trou-akte
Nynke Brouwer en Sikke Doele tekenje de trou-akte

XVI.5 Hike Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 15-12-1951;
x West-Schylge 29-3-1974 Frederik Zwart (Freek) * Ansen, gemeente Ruinen, Drinte, 1-7-1950; oant july 2020 provinsjaal adviseur Frysk Waad foar Steatsboskbehear, Midslân, Skylge; sn fan Frens Zwart, boer te Ruinen, en Annegien Hofman
Bern:
1 Eric Zwart, folget XVII.4
2 Liesbeth Zwart, folget XVII.5
3 Vincent Frens Zwart
; grafysk foarmjouwer, webdesign en fisuele kommunikaasje; sjoch: Vincent Zwart Fierders net iepenbier

Hike Brouwer
Hike Brouwer
Freek Zwart
Freek Zwart

XVI.6 Aukje Brouwer * Bitgummole 24-9-1945 † Den Haach 19-12-1992 [] kremeard Ockenburgh, Den Haach; ûnderwizeres te Balk; antroposofysk learares te Den Haach;
x Den Haach 1976 Gustaaf Johan van Dam * Sommelsdijk 26-4-1932 † Den Haach 30-1-2006 [] kremeard Ockenburgh, Den Haach; antroposofysk learaar te Den Haach; sn fan Arent Jean Samuel van Dam, gemikus, learaar en dir. Ryks H.B.S. te Oostburg en Middelharnis,  en Anna Theodora de Vries
Bern:
1 Johannes van Dam, folget XVII.6
2 Martijn van Dam, folget XVII.7

XVI.7 Knillis Arjens Brouwer * Emmeloord 11-8-1955; 1977-1999 ûnderwizer Kristlik Nasjonale Skoalle te Hallum; 1999-2007 direkteur Kristlike Basis Skoalle It Fundamint te Hallum; 2007-2019 direkteur Kristlike Basis Skoalle Op Streek te Ferwert; ambassadeur Stichting Present NOF
x 1977 Lolkje Bergstra (Loes) * Wâldsein 13-7-1957; fersoargjende te Hallum; dr fan Gerben Bergstra, timmerman te Wâldsein, en Geertje Wierda
Bern:
1 Arjen Brouwer, folget XVII.8 

2 Geertrude Brouwer, folget XVII.9 
3 Ykje Brouwer, folget XVII.10

XVI.8 Geartrude Brouwer * Bitgum, Berltsumerdyk 18, 18-6-1944; ûnderwizeres te Snits en Den Haach; stúzje Frysk en Portugeesk Vrije Universiteit te Amsterdam; pedikuere te Amsterdam; dosint Meditative Dûns, sjoch: www.meditatievedans.nl
Publikaasjes:
In oangenaam fiergesicht, tonieloersetting fan Een Bijzonder Prettig Vergezicht fan Paul Haenen, Stichting Amateurtoniel Fryslân
Skatkiste – Foarlêsferhalen mei byhearrende taal- en spultsje-aktiviteiten, beukerútjefte by Feilich lêzen leare; Utjouwerij Frysk en Frij, 1996 ISBN 90-73554-61-0
Unsichtber rûnsto mei my op/Onzichtbaar liep je met me mee, fersen en foto’s fan Fré Travaille; 2001 ISBN 90-73554-63-2;
sjoch: Geartrude Brouwer
x Amsterdam 29-8-1974 (skieden 1989) Josè Manuel dos Santos Rodrigues * Lissabon 4-5-1951; fotograaf en dosint oan de Academie van Bouwkunst te Amsterdam; fotograaf te Amsterdam en Évora, Portugal; syn wurk anneks poëzy fan Manuel Alegre is yn 1999 bekroane mei de Prémio Pessoa-priis, sjoch: Josè Manuel Rodrigues; sn fan Manuel Josè Rodrigues, glêssliper en -fabrikeur te Évora, en Celeste dos Santos Pereira de Luz
Bern:
1 Manuel Rodrigues * Den Haach, Duinzicht, 4-8-1975; Master Film-Akademy Amsterdam; ljochttechnikus muzykeveneminten; dosint Visual Effects and Interactive Media te Amsterdam; sjoch: Manuel Rodrigues
2 Anne Rodrigues * Scheveningen, Bronovosikehûs, wenjend te Den Haach 20-3-1979; Master Algemiene Kultuerwittenskippen Universiteit van Amsterdam

XVI.9 Antsje Brouwer (ek: Anne) * Bitgum, Berltsumerdyk 18, 21-12-1947; ferpleechkundige te Grins, oplieding Maatskiplike Sûnsenssoarch Hanzehegeskoalle te Grins, wykferpleechkundige op ’e Jouwer;
x Menameradiel 5-9-1972 Huibertus Johannes van Doorn (Bert) Utrecht 22-1-1948 † De Jouwer 12-4-2002, [] Bitgum, rigel 16, grêf 3; luitenant Binnenlânse Striidkrachten; stúdzje Medisinen Ryks Universiteit Grins (RUG); festigingslieder Medicopharma It Hearrenfean; sûnt 1992 eigner bedriuwskundich advysburo Notror (Noordelijk bureau voor Training en Organisatie, foar Midden en Lyts Bedriuw) op ’e Jouwer; sn fan Jan van Doorn, kommys by de Nederlânse Spoarwegen te Utrecht en Zwolle, en Bernardina Elisabeth Breijding
Bern:
1 Bendert-Jan van Doorn, folget XVII.11
2 Anne-Marieke van Doorn
* en † Grins 18-4-1980

XVI.10 Gerben Pieters Brouwer * Bitgum, Buorren 10, 5-7-1954; militêr, sersjant-majoar; konstabel te Den Helder;
x Doanjewerstal 12-12-1980 Sietske Brinksma * Langwar 1-11-1957; wykfersoargjende te Harns; dr fan Jacob Brinksma, masjinedriuwer by Douwe Egberts op ’e Jouwer, en Neeltje Jaarsma
Bern:
1 Nelly Brouwer, folget XVII.12 
2 Coby Brouwer, folget XVII.13 

XVI.11 Ynse Brouwer * Bitgum, Buorren 10, 9-1-1963; frachtautomonteur by Garage Rinsma B.V. te Berltsum; tsjerkeriedslid Grifformearde Tsjerke Bitgum;
x Menameradiel 19-5-1995 Afke Kloostra * St.-Jabik 16-2-1964; employee Friesland Bank Berltsum; sûnt 2005 thúshelp Stichting Gereformeerd Maatschappelijk Werk en Gezinsverzorging te Hallum, sûnt 2017 Stichting Interzorg Groep; dr fan Ouwe Kloostra, boere-arbeider te Hegebeintum en Ænjum, sûnt 1963 oan Ouwedyk ûnder St.-Jabik by Hans Hoogland, en fan Idske Boersma   
Bern:

1 Pieter Owe Brouwer * Ljouwert, Bonifatiussikehûs, wenjend te Bitgum, De Hammeringen 38, 1-8-1997; autoskeamakker
2 Sybren Brouwer * Ljouwert, Bonifatiussikehûs, wenjend te Bitgum, De Hammeringen 38, 16-8-1999; studint Bedriuwskunde te Ljouwert


 

GENERAASJE XVII
XVII.1 David Samoocha *Jeruzalim 29-9-1978; masterstúdzje Bewegingswittenskippen Vrije Universiteit te Amsterdam; doctor yn ’e epidemiology; bewegingswittenskipper en epidemiolooch te Almere;
w.m. Klazien Roozeboom * Baarn 6-4-1979; stúdzje Ergoterapy; ergoterapeut en bewegingswittenskipper; dr fan Gert Jan Roozeboom en Trudy Mooij
Sjoch:
David SamoochaAkademysk proefskriftRegio’s en leveranciers op stoom
Klazien RoozeboomVolle Maan
Bern:
1 Jesper Samoocha
* Almere 12-1-2013
2 Sven Samoocha
* Almere 3-1-2015

David Samoocha en húshâlding
David Samoocha, Klazien Roozeboom, Jesper en Sven

XVII.2 Edith Brouwer * Zwolle 31-5-1968; doktoraal Keunst en Kultuer Universiteit van Amsterdam; galeryhâldster Atelier Open te Amsterdam; byldzjend keunstner, grafikus; lid dielgemeenteried Amsterdam foar de Partij van de Arbeid; publikaasje, û.o.: De Letterkast
Sjoch:
De letterkast – Een roman over het leven van Fré Cohen – Uitgeverij Orlando
Edith Brouwer – De letterkast
x 1 6-11-1998 (sk.) Maurice van Tilburg * 31-5-1971; finansjeel manager; byldzjend keunstner; sjoch: Maurice van TilburgLeaders in financemauriceartshop.com
x 28-6-2019 Pierre Deen * 15-12-1967; politikolooch; wurksum by it Ministeary fan Ekonomyske Saken; eigner Zaaf, mobile fytsemakkerij te Amsterdam Nieuw-West
Bern út it earste houlik:
1 Sophie van Tilburg * Amsterdam 11-12-1997; studint Natuerkunde Universiteit van Amsterdam; twadde foarsitter fakulteitsrie;
2 Marten Reimer van Tilburg (Mart) * Amsterdam 7-6-2001; studint Ingels Universiteit van Amsterdam

Edith Brouwer sinjeart
Rjochts: Edith Brouwer en Pierre Deen. Links: Edith Brouwer en Mart en Sophie van Tilburg. Under: Sophie, Mart en Maurice van Tilburgpi,
Links: Edith Brouwer en Pierre Deen. Rjochts: Edith Brouwer en Mart en Sophie van Tilburg. Under: Sophie, Mart en Maurice van Tilburg

XVII.3 Jessica van der Staak * Amsterdam 17-8-1971; stúdzje Psychology Ryks Universiteit Grins, psycholooch en dosint Tapaste Psychology Hanzehegeskoalle Grins; sjoch: Jessica van der Staak
x 16-8-1971 Anne Martin Helbig * 16-8-1970; wetter-koördinator Gemeente Grins; sjoch: Anne Martin Helbig
Bern:
1 Roos Helbig * Den Andel 1-7-2001; stúdzje Religywittenskippen Ryks Universiteits Grins
2 David Helbig * Den Andel 4-12-2004; learling VWO


Roos, Jessica van der Staak,
Anne Martin Helbig, David

XVII.4 Eric Zwart; doktoraal ekonomy Ryks Universiteit Grins; wurksum by AEgon; dir. bedriuwen Rabobank te Assen; sûnt 4-2-2019  direksjefoarsitter Rabobank Waterland, wenjend te Amersfoort; sjoch: Eric ZwartDireksjefoarsitterNieuw Volendam
x 2011, skieding 2018, Wendy Wolbers
w.m. Karin Zijlstra
Fierders net iepenbier

XVII.5 Liesbeth Zwart; doktoraal Geology (Ierdewittenskippen) Universiteit van Amsterdam; struktureel geolooch by Shell Egypt te Caïro;
x Age Fongers; doktoraal Mynboukunde Technyske Universiteit Delft; develop manager, dir. by Shell Egypt te Brunei en Caïro
Bern:
1 Jeanne Catharine Hike Fongers
Fierders net iepenbier

XVII.6 Johannes van Dam * Den Haach 5-6-1977; bankmeiwurker; wolwêzensmeiwurker âlderesoarch WZH te Den Haach;
x Mirjam Graat * Maastricht 8-3-1980; ferpleechkundige bernegenêskunde MCH Westeinde Den Haach; dr fan Jan Graat, psychotearapeut te Kaapstad, Súd Afrika, en Ingrid Benning, logopediste te Nijmegen

XVII.7 Martijn van Dam * Den Haach 4-6-1980; mei-eigner klimhal te Hoofddorp;
w.m. Den Haach 4-6-1980 Margaretha Lucia Maria Blankendaal (Marcia) * 19-7-1971; toskedoktersassistinte te Amsterdam; dr fan Jaap Blankendaal, leadjitter te Noord Scharwoude, en Metha Huipen, winkelmeiwurkster te Noord Scharwoude
Bern:
1 Finn Gus van Dam
* Amsterdam 7-12-2005
2 Malou van Dam
* Amsterdan 15-10-2009



XVII.8 Arjen Brouwer * Hallum 13-10-1978; planologysk adviseur te Grins; senior adviseur romtlike oardering by de Provinsje Fryslân;
x 29-5-2009 Esther Tjeerdema * Makkum 22-9-1980; learares basisûnderwiis De Buitenkans op it Hearrenfean; dr fan Cornelis Tjeerdema (Cees), fysioterapeut te Makkum, en Richtje de Witte, learares Ingelsk op It Hearrenfean
Bern:
Wiard Cornelis Brouwer * Grins 10-12-2009 

2 Jente Jorrit Brouwer * Grins 9-4-2012 
3 Ingmar Gerben Sjoerd Brouwer * It Hearrenfean 6-11-2016

XVII.9 Geertrude Brouwer * Hallum 19-2-1981; learares Kristlike Basis Skoalle De Ikker te Blije;
x It Bilt 12-9-2008 Anne Johan Veendorp * Marrum 5-3-1979; metaalbewurker te St.-Jabik; sn fan Tæke Veendorp, meiwurker suvelyndustry te Ljouwert, en Tine Machiela
Bern:
1 Aron Veendorp * Ljouwert 1-10-2020

Knillis en Loes Brouwer, bern en bernsbern
Chris Bremer, Anne Johan Veendorp, Ykje Bremer-Brouwer, Mark Bremer, Geertrude Veendorp-Brouwer, Knillis Brouwer, Loes Brouwer-Bergstra, Wiard Brouwer, Arjen Brouwer, Jente Brouwer, Jan Harke Bremer, Ingmar Brouwer, Esther Tjeerdema-Brouwer; Aron Veendorp is noch net berne
Knillis Brouwer
Aron Veendorp

XVII.10 Ykje Brouwer * Hallum 7-7-1985; kreatyf terapeut te Drachten;
x 15-6-2007 Jan Harke Bremer * Hallum 11-4-1983; frachtautosjauffeur te Hallum; sn fan Durk Bremer, bakker te Hallum, en Anneke Rijpma
Bern:
1 Chris Bremer * Hallum 6-4-2011
2 Mark Bremer * Ljouwert 15-1-2014

XVII.11 Bendert-Jan van van Doorn * Grins 17-4-1979; kok en sûsjef; sûnt 2020 persoanlik begelieder foar spesjale doelgroepen;
x Skarsterlân 31-5-2012 Marleen Vos * St.-Jabik 5-10-1984; gastfrou Horeka, sommelier; ortomolekulêr fiedingsadviseuze; sûnt 2020 studint Pabo; dr fan Jan Willems Vos, skipsbouwer, û.o. fan de Batavia, te St.-Jabik en Lelystêd, en Ellie Dorst
Bern:
1 Hannah Rosalie van Doorn
* It Hearrenfean, Tsjongerskânssikehûs, wenjend op ’e Jouwer 21-6-2011
2 Jesse Fabian van Doorn
* It Hearrenfean, Tsjongerskânssikehûs, wenjend op e Jouwer 31-3-2013

XVII.12 Nelly Brouwer * Berltsum 3-12-1982; stúdzje psychology Ryks Universiteit Grins; rjochter-kommisaris; 2010-2017 beliedsadviseur Soarch en Sûnens by soarchfersekering De Friesland; 2013-2018 sekretaris Kommisje Skeel en Tucht by it NGTV (Nederlands Genootschap van Tolken en Vertalers); sûnt 2010 juridysk meiwurker by it Regionaal Tuchtkolleezje foar de Sûnenssoarch; sûnt 2018 beliedsadviseur Sosjaal Domein Wurkmaatskippij Achtkarspelen en Tytstjerksteradiel; lid Rie fan Advys Stichting Erfgoed Fundaasje; sjoch: Nelly Brouwer
w.m. 2019 Ingvar Koenders * Zutphen 1-7-1975; ekonoom by de Provinsje Fryslân; 2014-2018 bestjoerslid en twadde foarsitter Partij van de Arbeid Westerkwartier-ôfdieling Zuidhorn; sjoch: Ingvar Koenders
Bern:
1 Ferre Lars Koenders * Ljouwert, Medys Sintrum Ljouwert, wenjend te Hurdegaryp, 21-2-2020

XVII.13 Coby Brouwer * Harns 8-2-1985; meiwurker Soarch en Wolwêzen te Harns;
wenne mei Richard Vuijst * 12-11-1980
Bern:

1 Christa Vuijst
* Ljouwert, MCL, wenjend te Ljouwert, 23-5-2016

Gerben Reimers Brouwer II c.s. In dei fuort te farren

§ FAMYLJEDAGEN
Uteraard hat de famylje gauris in fersetsje. Hjirûnder in dei fuort te farren.
Fan links nei rjochts: Tjeerd Douwes van der Schaaf, boer op Ald Aysma op Dyksterhuzen, en syn frou Johanna de Vries; Jacob Douwes Bergsma en syn frou Jacobje Johannes de Boer (dochter Engeltje trout mei Jelle Pieters van der Schaaf), bakker en bakkerinne te Bitgummole; Jelske Arnoldus Wiegersma, greidboerinne op Westerwurd; Brechtje Reimers Brouwer; Lieuwe Martens Kingma, man fan Jelske Wiegersma (soan Marten trout mei Akke Dirks van der Schaaf; Rients Joukes Wartena; Gerben Reimers II en Antje Dirks van der Schaaf; Hyke Gerardus Gosliga, gernierske te Bitgummole, widdo Dirk Douwes van der Schaaf; Grietje Hayes Terpstra, frou fan Pieter Dirks van der Schaaf, boer en ierdappelkeapman te Bitgummole; Minke Annes Okkinga, frou fan Arjen Douwes van der Schaaf, ierdappelkeapman te Bitgummole.
Sjoch: Genealogy Van der SchaafGenealogy Gosliga

Op sneon 7 febrewaris 1970 wurdt yn ‘By de Greate Pomp’ te Bitgum in Brouwersjûn hâlden foar de neiteam fan Gerben Reimers I en Brechtsje Damsma; sjoch: § BERNSBERN OER GERM EN BRECHTSY
Boarne: Forslach fan de Brouwersjoun

Neven komme ek byinoar te boartsjen, hjirûnder twa kykjes nommen yn ’e achtertún te St.-Jabik.

Brouwer - nevedei St.-Jabik 1
Fan links nei rjochts steand: Durk Reimers, Arjen Wartena, Tsjisse Doekeles en Gerben Piters; dêrfoar: Knillis Arjens, Goasse en Roymer Doekeles. Fotograaf: wiersynlik Hylke Fokkema, broer fan de faam Wijke
Brouwer nevedei St.-Jabik 2
Fan links nei rjochts steand: Knillis, Arjen, Gerben en Roymer; dêrfoar: Durk, Tsjisse, Goasse en Tsjisse Hermans Hettema
Brouwer Reuny 1980 brief

Yn 1980 wurdt troch Albrecht Wartena (XIV.1.7) en Goasse Brouwer foar neven en nichten Brouwer foar de twadde kear in syltocht oer de Iselmar organiseard, fan Starum nei Inkhuzen.

 
Brouwer reuny Iselmar 1980
Lizzend silende oer de Iselmar: Durk Brouwer, Johanna Woudstra, Goasse Brouwer, Luuk Swart, yn gele jekker Bert van Doorn, Nynke Brouwer. Oar folk sit te pimpeljen yn it rom. Fotograaf: Leo Klaver
Brouwer - Boattocht Rients Wartena en Bertus Roodhof
Rients Wartena en skipper Bertus Roodhof. Anne R. Brouwer: Wy neamden dit de Monatoetjes. Fotograaf: Anne R. Brouwer
Brouwer - Boattocht Geartrude en Tsjisse Brouwer
Geartrude en Tsjisse Brouwer. Fotograaf: Anne R. Brouwer
Brouwer - Boattocht Anne R. Brouwer
Anne R. Brouwer


Yn maaie 1995 is in reuny hâlden fan ’e neiteam fan Gerbens Reimers II en Anne van der Schaaf, by gelegenheid fan ’e 60ste jierdei fan Roymer en Goasse Doekeles (XV.6 en 7). Dat wie net te Bitgum, mar op it Murnzer Klif. Dêrby is in útstalling ynrjochte fan famyljestikken; Anne Rodrigues (XVI.8.2) makke dêr in fotoreportaazje fan, sjoch:
Argyfmateriaal

De Brouwers hienen earder ek al wol famyljedagen.

§ FAMYLJE FAN BEWEGERS – WÊS DYSELS
Under de neiteam fan Reimer Gerbens Brouwer II sit nochal wat folk dat him beweecht op it prekêre gebiet fan ’e Fryske Beweging. Soan Gerben Reimers II sit op in stuit midden yn syn striid om it Frysk yn tsjerke. Hy is steefêst âlderling en dêrby wurdt him  oplein om yn dat tsjerkelik fermidden yn ’t Nederlâns lûdop te bidden – want God ferstiet gjin Frysk. Dat kin er net. Hy bedankt dêrom as âlderling. Mar dat kin de tsjerkeried net fertarre. It komt foar de klassis en it wurdt in onferkwikkelike saak. Hite hollen en kâlde herten. En dat sil net de earste kear wêze. Germ bliuwt âlderling, mar bidt yn dy funksje net.

Fries as nasjonaliteit erkend
As Doekele Gerbens Brouwer yn 1951 yn it Hannelsregister by Nasjonaliteit:
Frysk, ynfult, kin dat der by de wet net op troch. Doekele is ferplichte om dêr Nederlands del te setten. Hy seit dat er net wit wat dat ynhâldlik ynhâlde moatte sil en makket beswier. As er him op syn gewisse beropt, krijt er lang om let syn rjocht, neffens útspraak fan it Kantongerjocht te Ljouwert op 16 jannewaris 1951.
It presedint is skept, dat tenei kin ien dy’t him Frysk fielt him ek as sadanich rjochtmjittich te boek stelle litte. It ferskynsel wurdt beskreaun yn de jurisprudinsje, lykas yn Rechtsingang fan Nico Algra:
In de opgaaf voor het handelsregister van de firmant Doekele Brouwer te St. Jacobi Parochie stond achter de vraag omtrent nationaliteit ‘Friesch’ (Ned. Staatsburger). De K.v.K. [Kamer van Koophandel] verzocht doorhaling van ‘Friesch’ en vervanging door ‘Nederlandse’. Doekele Brouwer verklaarde echter, dat hij van Friese nationaliteit was: Ik ben geschapen als Fries, geboren uit Friese ouders en op Friese grond.

Kr.[Kroon]: Doekele is Nederlands staatsburger en van Nederlandse nationaliteit. Verzoek van de K.v.K. desonondanks afgewezen. Doekele had n.l. verklaard: ‘Ik ben lid ener gereformeerde kerk, weet mij als Christen te houden tot gehoorzaamheid aan de overheid, doch daarop is bij mij één uitzondering mogelijk, n.l. dat ik Gode méér heb te gehoorzamen dan de mensen’. Een dergelijke uitzondering achtte hij hier aanwezig en hij zei gewetensbezwaar te hebben tegen medewerking aan de verandering der opgave, aangezien God hem als Fries had geschapen. Dit gewetensbezwaar werd door de Kr. erkend.
Rechtsingang – Mr. N.E.Algra-Mr H.C.J.G. Janssen/H.D. Tjeenk Willink bv, Grins 1976 ISBN 90 01 03027 0

Oare Brouwersappels falle sa’t skynt net fier fan ‘e beam
As Gerben Doekeles Brouwer njoggentjin is, hat er in stikje yn De Gouden Tiid (9e jiergong nû 2, febrewaris 1964), it moanneblêd foar de Fryske Jongerein, letter is er oant syn ferstjerren foarsitter fan de K.F.J.
Hjirûnder in onfolsleine waslist fan offisjele wapenfeiten fan lêstposten, fjoerfretters en leafhawwers
-Sybe Harmens Andringa, soan fan Brechtsje Reimers Brouwer (XIII.1.3): onbesoldigd foargonger yn it Frysk
-Ank Boomgaardt-Wartena, healsuster fan Sybe Andringa, dochter fan Brechtsje (sjoch: Genealogy Wartena – VII.2): mei-oprjochtster Ljouwerter Rûnte, fermidden foar Fryske taal en kultuer; sjuerylid Fryske Foardrachtkriich; nimt yn har Frysksinnich hûs de Kristlik Fryske strider Eeltsje Boates Folkertsma op
-Jan Boomgaardt, soan fan Ank, oerpakesizzer fan Reimer Gerbens Brouwer: bestjoerslid Fryske Krite Den Haach
-Rein Boomgaardt, man fan Ank: foarsitter Kristlik Frysk Selskip

-Arjen Gerbens Brouwer (XV.2): bestjoerslid Kristlik Frysk Selskip; idem Ried fan de Fryske Beweging
-Doekele Gerbens (XV.4): haadbestjoerslid Kristlik Frysk Selskip
-Gerben Doekeles (XV.4.2): foarsitter Kristlik Fryske Jongerein

-Gerben Reimers II  (XIV.1): mei-oprjochter en foarsitter fan it Bitgumer Formidden; idem Kristlik Fryske Krite Karel Roarda Bitgum; mei-oprjochter en bestjoerslid Frysk Forbân yn de Anti Revolutionaire Partij
-Goasse Doekeles (XV.4.7): bestjoerslid Fryske Feriening foar in Federaal Europa (FFE); idem Ried fan de Fryske Beweging, idem Grut Fryske Rie; yn 1978 mei-oprjochter (mei syn omke Reimer Wartena) en bestjoerslid Oerein; redakteur Frysk en Frij
-Reimer Gerbens (XV.1): skriuwer Ried for Greatfryske Saken; 1947-1953 frysksinnich gemeenteriedslid fan Menameradiel foar de Partij van de Arbeid
-Roymer Doekeles (XV.4.6): bestjoerslid
Kristlik Fryske Krite Karel Roarda Bitgum; idem Ried fan de Fryske Beweging (1999); lid Fryske Aksje, de FRA
-Tsjisse Doekeles (XV.4.5): foarsitter fan de Frysk Nasjonale Partij fan Menameradiel; lid Fryske Aksje
-Nynke Eringa-Boomgaardt, dochter fan Ank: deklamatrise, sjuerylid Fryske Foardrachtkriich
-Antsje de Groot-Wartena, beppesizzer fan Brechtsje en Gerben Reimers Brouwer: skriuwster Fryske Krite Karel Roarda
-Taco Kingma, troud mei Jikke van Tuinen: redaksjelid De Stim fan Fryslân, moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip en it Roomsk Frysk Boun (weroprjochting 1945, opdoekt yn 1996)
-Durk van der Schaaf, soan fan Hinke Brouwer (XIII.1.6): foarsitter Kristlik Fryske Krite Karel Roarda Bitgum; bestjoerslid Ried fan de Fryske Beweging; gemeenteriedslid foar de Frysk Nasjonale Partij fan Menameradiel; lid Fryske Aksje, foarstapnimmer ta it Frysk Bûsboekje
-Sybren van der Schaaf, troud mei Hinke Brouwer: frysksinnich
gemeenteriedslid foar de Anti Revolutionaire Partij fan Menameradiel
-Jikke van Tuinen, dochter fan Durkje Brouwer (XIII.1.1), troud mei Taco Kingma, suster fan Reimer en Sybren: warber yn alderhanne Frysksinnige fermiddens

-Reimer van Tuinen: skriuwer Boun fen Frysk-Nasjonale Jongerein; redakteur De Stiennen Man, orgaan fan de Ried fan de Fryske Beweging; redaksjelid De Strikel
-Sybren van Tuinen, idem: frysksinnich lid – dat is in apart plak, dat altyd troch Sybren befochten wurdt – fan ’e Provinsjale Steaten foar de Anti Revolutionaire Partij en dito boargemaster fan Bolswert en Dokkum
-Albrecht Wartena, bernsbern fan Brechtsje en Gerben Reimers Brouwer: lid Fryske Aksje
-Germ Wartena, soan fan Brechtsje Brouwer (XIII.1.3): riedsman fan de Ried fan de Fryske Beweging; lid Provinsjale Steaten foar de Frysk Nasjonale Partij

-Reimer Wartena, idem: frysksinnich – om sa te sizzen – gemeenteriedslid  foar de Frysk Nasjonale Partij fan Menameradiel; yn 1978 foarstapnimmer, mei-oprjochter en bestjoerslid fan de – fansels Fryskere – partij Oerein, dy’t yn 1979 meidocht oan de ferkiezings fan ’e Provinsjale Steaten.
Sjoch:
-Wy Sels – De Kristlik Fryske Krite ‘Karel Roarda’ 1929 ~ 75 jier ~ 2004, Utjouwerij Frysk en Frij Ljouwert, 2004
Gjin frjemdling mear

Kursyfke fan Taco Kingma yn syn rubryk De achterkant fan de moanne yn De Stim fan Fryslân, moanneblêd fan it Kristlik Frysk Selskip

Wurdt fuortset