GENEALOGY BROUWER 2
NEITEAM FAN SIPKE GERBENS BROUWER
Foar foarteam sjoch: Genealogy Brouwer 1
Sipke Gerbens Brouwer is nr XI.2 yn de Genealogy Brouwer 1.
Yn dizze Genealogy wurdt de nûmering fan ’e generaasjes fuortset mar by de neiteam fan Sipke wurdt opnij begongen mei nûmering yn de generaasje, sadwaande krijt Gerben Sipkes Brouwer it nûmer XII.1, Auke Sipkes Brouwer it nûmer XII.2, ensfh.
Oanfullingen fan ’e jongste generaasjes ôf wurde op priis steld: skiednis begjint by it nije libben. Dêrútwei sjogge wy hjir hoe’t it yn eardere tiden wie.
Undersyk: Erfgoed Fundaasje
Foto’s: Afke Vlasma-Laverman
Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
KO= Kristlik Ofskieden/Christian Seperation
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RE = Remonstrants
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Wat is in stamrige?
GENERAASJE XI
XI.2 Sipke Gerbens Brouwer * St.-Anne 9-1-1808 ~ Bitgum 14-2-1808 † dêr 12-5-1876, hûsnr 72, 68 jier, [] Bitgum, rigel 14, grêf 12; yn 1838 skipper te St.-Anne; yn 1839, ’40, ’48, ’49, ’61, ’73 idem te Bitgum (hûsnr 22; m.y.f. 10-3-1863: nr 39); sûnt 1-5-1857 idem te Meppel (Wyk I nr 85); kastlein te Bitgum (nr 14); yn 1843, ’63 en by syn ferstjerren dêr gernier en ierdappelkeapman (hûsnr 21; yn 1840: nr 28; sûnt 1875: nr 72);
x Menameradiel 9-5-1838, 30 en 20 jier, Akke Yntes van Donia * Berltsum 9-3-1818 † Bitgum 1-7-1897, hûsnr 72, 61 jier, [] Bitgum, rigel 4, grêf 1; by trouwen sûnder berop te Berltsum, by ferstjerren idem te Bitgum; dr fan Ynte Ruurds van Donia en Dirkje Jans Boonstra, húslju ûnder Berltsum
-Sipke keapet op 14-12-1839 in hûs te Bitgum fan Oege Daams Steeg te Berltsum; keapsom: f 625,00; notaris: Tjeerd Alma te Menaam; Repertoire: 103031
-Akke ferhiert op 12-11-1842 mei har mem en broer Jan, dan beide wenjend te Dronryp, lân te Berltsum oan Heerke Jans Hoekstra te Berltsum
-Sipke hat op 22-5-1862 in skuld fan f 1.200,00 by Eva Achenbach te Ljouwert, frou fan Carel van Raan; notaris: Cornelis Wiersma te Ljouwert; Repertoire: 079084
Bern:
1 Dirkje Sipkes Brouwer * Bitgum 11-2-1839 † Ljouwert 5-4-1923, 84 jier, [] Bitgum, rigel 34, grêf 5; NH, letter KO/KG; turfskipperske te Bitgum, wennet dêr yn it skip De Jonge Baukje, letter yn De Wisselvalligheid; sûnt 31-12-1881 skipperske te Gythoarn; sûnt 8-5-1882 wer te Bitgum; as widdo turfferkeapster te Bitgum (hûsnr 77); dêr letter sûnder berop (hûsnr 179); ferfart dêrwei op 2-5-1921 nei Ljouwert, wennet dêr yn by har dochter Hermina Elisabeth Feddema en skoansoan Johannes Johannes Feddema;
x Menameradiel 30-5-1861, 22 en 27 jier, Æde Wybrands Feddema * Bitgum 1-12-1833 † dêr 21-1-1897, 63 jier, [] Bitgum, rigel 37, grêf 10; NH, letter KO/KG; wennet as jongfeint te Ljouwert; foar syn houlik bûtengats farrensmaat, yn 1860 te Londen; by trouwen skippersfeint te Bitgum, wennet dêr sûnt 3-5-1860 yn by syn omke Jelle Douwes van der Schaaf en Jetske Alles Dijkstra, gerniers; dêrnei dêr binnengats turfskipper, mei in ûnderbrekking fan in jier te Gythoarn; sn fan Wybrand Martens Feddema, keapman te Ljouwert en Bitgum, korporaal 2e Rezjimint Artillery te Saandam, en Baukje Douwes van der Schaaf, útdragerske te Bitgummole.
Ut it boask fan Durkje en Æde acht bern.
-Æde ferkeapet op 13-7-1861 in hûs te Bitgum oan Hiltje Aukes de Jong te Bitgum, widdo fan Johannes Simons de Haan; keapsom: f 1301,00; notaris: Cornelis Wiersma te Ljouwert; Repertoire: 079084
-Æde keapet op 2-11-1868 in hûs te Bitgum fan Tjeerd Jans van der Zee te Bitgum; keapsom: f 250,00; notaris: Johannes Scrinerius Potter van Loon te Dronryp; Repertoire: 037098
-Æde ferkeapet op 14-5-1875 in hûs te Bitgum oan Jan Tjepkes Kingma te Menaam; keapsom: f 500,00; notaris: Ansko van der Plaats te Ljouwert; Repertoire: 075082
Sjoch:
Genealogy Van der Schaaf 1978 VII.2
Genealogy Van der Schaaf VI.1.2
Bern:
1 Akke Ædes Feddema * Bitgum 13-7-1863 † Swolle 5-4-1868, 4 jier
2 Wybren Ædes Feddema * Bitgum 16-2-1865 † Woensel, Einthoven, psychiatrise ynrjochting, 21-1-1928, 61 jier, [] Woensel, Einthoven op terrein fan ynrjochting, grêf sûnder namme, yn 2008 wurdt in monumint oprjochte: Namen der Naamlozen, mei 1800 nammen, wêrûnder Wybren; wennet fan 16-8-1888 oant 1-1-1889 yn by Ritske Fierstra en Jantje de Jong, arbeiders te Bitgum; daliks dêrnei by Ynte Freerks Hoekstra en Beitske van der Meer, gerniers te Bitgum (167); ferfart nei Noard Amearika, arriveart dêr op 22-4-1889, mei Noorland Ship, bestimming Paterson; yn 1895 wennet er te Paterson (NJ 1st Ward); op 2-8-1899 wennet er 371 Bowery, New York; 1900 wennet er by famylje yn Paterson; fan 6-8-1902 oant 21-12-1904 opnommen yn Islip State Hospital, New York; wennet m.y.f. -1-1905 trije moanne by syn mem en suster te Bitgum; -4-1905 psychiatrise ynrjochting Frjentsjer; -10-1905 idem Medemblik; letter idem Castricum, idem Woensel yn Einthoven
Wybren is kranksinnich en wol nei syn mem yn Bitgum; hy is dêr trije moanne by har en syn suster Mien. Wybren wol syn mem wat oandwaan. Hy wurdt troch Mien, de famyljedokter en de plysje nei Frjentsjer brocht.
Mei tankber gebrûk fan gegevens famylje Boterhoek en Arjen Hoogland.
x Paterson, New Jersey, 1892 Pieternella Norman (Nellie)
3 Akke Ædes Feddema * Marsum, yn it skip, 28-10-1868 † Ljouwert, wenjend te Hengelo, Oerisel, 19-1-1923, 54 jier; ynwenjend faam by S. Stellingwerf te Bitgum; wennet yn 1902 te Ljouwert; sûnt 7-12-1902 by har mem te Bitgum; ferhuzet dêrwei op 2-12-1903 nei Enskedee; komt dêrwei op 10-5-1907 te Ljouwert, is dêr ynwenjend faam by mr. H. Binnerts, Grêftswâl V 187; wurdt dêrwei op har troudei oerskreaun nei Hengelo; by trouwen yn 1908 sûnder berop te Ljouwert; wennet sûnt 10-2-1910 acht moanne yn by har omke Dooitze Jelles Nauta, frachtskipper te Bitgum; wennet sûnt 1-11-1910 yn by har mem te Bitgum (77, 179); wennet sûnt 7-9-1915 te Ljouwert, Grutte Tsjerkestrjitte-hoeke Lytse Tsjerkestrjitte, boppe; by ferstjerren naaister te Hengelo;
x Ljouwert 18-4-1908, 39 en 43 jier, Wybren Harmens van der Plaats * Easterlittens 14-3-1865 † Hengelo, Oerisel, 21-1-1937, 71 jier; by syn earste houlik timmerman te Hengelo, binnen de lêste seis moanne te Langwar en dêrwei te Hengelo; yn 1915 idem te Ljouwert (Grutte Tsjerkestrjitte); sn fan Harmen Wybrens van der Plaats, timmerman te Easterlittens, en Janneke Pieters Hoitsma
Wybren x 1 Doanjewerstal 1-7-1898, 33 en 25 jier, Froukje Kornelis Dijkstra * Langwar 16-2-1873 † Hengelo 8-11-1909; by trouwen faam te Langwar; dr fan Kornelis Sybrands Dijkstra, yn 1873 preamskipper te Langwar, en Froukjen Ulbes Zwaga, skippers te Langwar
4 Baukje Ædes Feddema * Jirnsum, yn it skip, 15-7-1871; KG; ynwenjend faam, sûnt Alde Maaie 1888 op nr 68 te Bitgum; sûnt 16-9-1890 idem by S. Spannenburg op ’e Lemmer; ferhuzet dêrwei op 10-2-1892 nei Bitgum (194); ferhuzet dêrwei op 10-2-1892 idem wer nei De Lemmer; yn 1893 idem wer te Bitgum (352); fan 27-6-1893 oant 3-7-1895 idem te Ljouwert en by trouwen dêr op ’e nij allyksa;
x Ljouwert 11-5-1898, beide 26 jier, Jan Klazes van der Meer * Slappeterp 21-7-1871; by trouwen masjinist te Hoogkerk, dêrnei te Bitgum; sn fan Klaas Jans van der Meer, arbeider te Slappeterp, yn 1898 gemeentereiniger te Ljouwert, en Aaltje Jochums Porte
5 Aukje Ædes Feddema * Bitgum 14-5-1873 † dêr 8-9-1900, 27 jier, [] Bitgum, rigel 33, grêf 4; komt op 24-7-1899 út Haaksbergen yn Bitgum; by ferstjerren sûnder berop te Bitgum
6 Sipke Ædes Feddema * Bitgum 7-4-1875 † Stienwikerwold 29-6-1876, 5 moanne
7 Sipke Ædes Feddema * Bitgum 28-6-1877 † Stienwikerwold 2-5-1880, 3 jier
8 Hermina Elisabeth Ædes Feddema * Ljouwert 21-8-1880 † Froubuorren, by har dochter Gatske Dirkje Feddema, troud mei Roelof Arjens Hoogland, bouboeren dêr, 26-9-1967, 87 jier, [] Bitgum, rigel 34, grêf 5, it grêf fan har mem; ferhuzet op 15-5-1899 út Bitgum nei Haaksbergen; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 29-10-1908, Johannes Johannes Feddema * Ljouwert 10-5-1878 † dêr 19-7-1953, 75 jier, [] Bitgum, rigel 34, grêf 5; hannelsreizger, keapman en grossier yn skjinmak-artikels te Ljouwert (Ruterskertier 51); sn fan Johannes Johannes Feddema, keapman te Ljouwert, en Gatske Pieters Hylkema.
2 Aukje Sipkes Brouwer * Bitgum 11-10-1840 † stjerakte net fûn, mooglik is hja ferstoarn doe’t har âlden mei it skip binnengats foeren; nei har wurdt de twadde Aukje neamd; NH
3 Aukje Sipkes Brouwer * Bitgum 28-2-1842 † Meppel 19-7-1859, Wyk I nr 85, 18 jier; by ferstjerren sûnder berop te Meppel; NH
4 Tætske Sipkes Brouwer * Bitgum 29-7-1843 † dêr 22-1-1921, 77 jier, [] Bitgum, rigel 19, grêf 5; NH; sûnt 1-5-1864 ynwenjend faam by skuonmakker Harmen Tækes Bijlsma en syn frou Rinske Hotzes Scheltema te Bitgum (nr 34), ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1865 as ynwenjend faam nei har nicht Froukje Reimers Brouwer en Æsge Ypes de Vries, bakkers te Easterwierrum (nr 18), ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1866 wer nei Bitgum; by trouwen dêr sûnder berop; dêrnei dêr gernierske (103 bûten, letter nrs 338, 98BK), Tætske en Jabik hiere dêr Tsjerkelân;
x Menameradiel 25-5-1870, beide 26 jier, Jacob Jacobs Kuijk * Bitgum 24-2-1844 † Bitgummole 12-1-1924, 79 jier, [] Bitgum, rigel 19, grêf 6; NH; by trouwen en dêrnei gernier te Bitgum, yn 1871 en ’99 dêr neamd boer; dêr letter tillegrambesteller en dêrnei sûnder berop (hûsnrs 139, 252, 139A; yn 1917, ’21 te Bitgummole), as Jabik widner is, komt syn oantroude nicht Pytsje fan Huzen as húshâldster by him (sjoch XII.3); bestjûrslid Spaarbank Bitgum; sn fan Jacob Baukes Kuijk en Janke Foppes Fopma, gerniers te Bitgum (59BK, 43a, 233)
Yn ’e Boargelike Stân wurdt de achternamme ek wol stavere as: Kuik (bygelyks yn Jabik syn stjerakte) en Kuyk; Jabik tekenet sels Kuijk.
–Jabik wurdt op 16-3-1864 keurd foar de militêre tsjinst.
Sinjalemint: 1 el, 649 streepen; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: breed; Oogen: bruin; Neus: dik; Mond: ord(inair=gewoan); Kin: rond; Haar: rosachtig; Wenkbraauwen: id(em); Merkbaare teekenen: geene. Jabik wurdt frijstelkd fanwegen bruorretsjinst.
–Jabik keapet op 1-11-1878 fan Pieter Hayes Hofstra te Bitgum in boerespul te Bitgum; keapsom: f 3.200,00; notaris: Johannes Cornelis van Assen te Jorwert; Repertoire: 067061
-Jabik ferkeapet op 21-12-1906 oan Sybe Johannes Algra te Bitgum ‘ferskaat’, dat sil har geniersspul wol wêze; keapsom: f 3.200,00; notaris: Hermanus Alma te Berltsum; Repertoire: 015052
Bern:
1 Jacob Jacobs Kuijk * Bitgum 7-5-1871 † Angerlo, Gelderlân, 29-4-1903, 31 jier, – oan ’e tarring, tuberkuloaze, meningitis phthisis, [] Angerlo; NH; ferhuzet op 28-3-1894 út Bitgum nei Angerlo; wennet 30-12-1895 te Doesburg; komt op 17-6-1898 út Naarden by syn âlden yn Bitgum; ferhuzet dêrwei op 3-10-1898 wer nei Naarden; wennet yn 1899 te Nuenen, yn 1899 te Amersfoart, 9-10-1901 te Angerlo; dêr direkteur fan it bûterfabryk;
x Angerlo 11-8-1899, 28 en 24 jier, Johanna Volkers * Angerlo 17-11-1874 † dêr 23-7-1921, 46 jier, [] Angerlo; NH; ferpleechster; ferhuzet op 28-7-1904 út Angerlo nei Amsterdam; wennet 23-1-1911 te Angerlo, 9-7-1914 te Doesburg, 19-3-1921 wer te Angerlo oant har ferstjerren; dr fan Gerrit Gerrits Volkers en Gerritjen Hendriks Veltink, boeren te Angerlo;
gjin bern.
De achternamme komt ek foar as Volgers.
2 Sipke Jacobs Kuijk * Bitgum 4-3-1873 † Angerlo 6-11-1903, 30 jier, – oan ’e tarring, [] Angerlo; ; ferhuzet op 16-10-1895 út Bitgum nei Angerlo; wennet op 14-4-1900 te Den Haach, letter Naarden en Oss, 27-6-1903 oant syn ferstjerren te Angerlo; dêr ûnderdirekteur fan it bûterfabryk, nei de dea fan syn broer Jabik dêr direkteur
x Gijsbertha Volkers * Angerlo 24-4-1876 † dêr 7-5-1940, 64 jier, [] Angerlo; NH; suster fan Johanna;
dochter: Gerharda Kuijk (Gerrie) * Naarden 2-8-1902 † Angerlo 16-8-1966, 64 jier, [] Angerlo
3 Akke Jacobs Kuijk * Bitgum 13-1-1876 † dêr 18-2-1876, 1 moanne
4 Bauke Jacobs Kuijk * Bitgum 12-8-1877 † dêr 13-11-1877, 3 moanne
5 Akke Jacobs Kuijk * Bitgum 15-10-1879 † dêr 18-4-1880, 6 moanne
6 Janke Jacobs Kuijk * Bitgum 15-10-1879 † dêr 7-6-1905, 25 jier, [] Bitgum, rigel 5, grêf 1; by ferstjerren sûnder berop te Bitgum.
5 Ynskje Sipkes Brouwer
x Dooitze Jelles Nauta
Sjoch: Genealogy Jelle Dooitzes Nauta VIII.2
6 Jeltje Sipkes Brouwer * Bitgum 30-7-1848 † Meppel, yn it skip, 4-12-1849, 1 jier
7 Gerben Sipkes Brouwer, folget XII.1
8 Auke Sipkes Brouwer, folget XII.2
§ Ferskil fan tsjerke – fyn en grou
Sipke Gerbens Brouwer en Akke Yntes van Donia sille nei alle gedachten as lid fan ’e Herfoarmde Tsjerke fan Bitgum de moderne – frijsinnige – rjochting oanhongen hawwe. It is bekend dat Sipke syn heit, Gêrm Klazes Brouwer, in frijtinkend man wie en dêrta in frijsinnige belibbing fan religy hie, sjoch Genealogy Brouwer 1.
By de bern fan Sipke en Akke rinne de tsjerklike rjochtingen útien. Durkje giet mei har man Æde Feddema mei de Ofskieding, se binne otterdoks – fyn. Tætske en Jabik Kúk binne frijsinnich Herfoarmd en liberaal, it earste jildt ek foar Ynskje en Dooitze Nauta, mar dy nige de reade kant oer, se binne alle fjouwer frijsinnich – grou.
Gêrm en Pytsje fan Huzen gean mei de Doleânsje en binne dêrnei grifformeard, lykas Dukke en Æde Feddema nei 1892 allyksa.
Is grou en fyn faak fjoer en wetter, in tolerante hâlding lit it neistinoar bestean. Foar har trouwen is Pytsje bygelyks ynwenjend faam by de frijsinnich Herfoarmde dûmeny te Bitgum.
De bern fan Gêrm en Pytsje bewannelje ek útienrinnende wegen, sûnder skeel dat makket, seit de oerlevering. Jaantsy en Æde Postma wurde grifformeard, lykas ek har bruorren mei oanhang: Durk en Aaltsy Feenstra en Jan en Tryntsy Weiland, dat jildt ek foar de neikommelingen.
Dêrfoaroer skiede Sip en Gryt Nicolay en Auke en Sjouk fan Dyk har fan ’e Herfoarmde Tsjerke ôf en gean tenei as ûntsjerklik fierder.
It soe nijsgjirrich wêze om ris nei te gean at der ek noch ferhalen binne oer oarsaken – en gefolgen yn famyljeferhâldingen.
§ Farrende freonskip
Durkje Brouwer en Æde Feddema binne spitsen fan har buorman Lykle Doekes Hellema. At se fuortfarre is de âld man – widner sûnder bern – daliks onwennich. Dukke en Æde besykje dat te ferlichten troch him farrendewei har freonskip te betoanen. It seit wol wat dat de kaarten oant hjoeddedei bewarre bleaven. De kostbere printkaarten – yn geastlike sin, en tagelyk materiele betsjutting, want mearkleurich mei goudopdruk – binne by syn âld-omkesizzers bedarre en trochjûn oan âld-âld-âldomkesizzers. Stille tsjûgen fan freonskip mear as in iu her.
Lykle en Dukke en Æde binne de befynlike godstsjinstige rjochting tadien. De stichtelike teksten befestigje har piëtistys geloof.
§ Alle seis bern oerlibbe
Tætske Brouwer en Jabik Kúk oerlibje har bern, alle seis. De beide âldste soannen Jabik en Sipke ferstjerre oan ’e tarring, 31 en 30 jier jong. Har foargongen binne de earste Akke, 1 moanne; de twadde Akke, 6 moanne; Bauke, 3 moanne en Janke, 25 jier. Jabik ferliest ek noch ien fan syn twa skoandochters.
Jabik en Sipke hienen yn it stoflike in skoandere takomst foar eagen as direkteur fan it Bûterfabryk te Angerlo.
Bernsbern Gerharda Kuijk (Gerrie) hat oant har ferstjerren út Angerlo wei de grêven fan har pake en beppe Kuijk-Brouwer op it hôf te Bitgum ûnderhâlde litten. De grêven binne romme, mar de monumintale stiennen binne tanksij deagraver Klaas Abe Kamstra behâlden bleaun.
De grêven mei mânske sânstiennen sarken te Angerlo binne noch yn wêzen.
Lju dy’t it har permitteare koenen setten in rou-advertinsje yn ’e krante.
By mear begoedige lju wie der romte foar twa of mear.
Wa wit wêr’t de foto-albums, brieven en oare dokuminten oangeande dizze staach Kúk bedarre binne? Graach berjocht oan Erfgoed Fundaasje: info@erfgoed-fundaasje.nl
GENERAASJE XII
XII.1 Gerben Sipkes Brouwer * Meppel 16-3-1850 † Bitgum 29-11-1908, 58 jier, [] Bitgum, rigel 26, grêf 11; NH, letter G; Germ hiert yn 1876 lân fan Carolina Francoise Wolfeline barones thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, troud mei Wiardus Rengers Hora Siccama te Olst; by trouwen en dêrnei skipper te Bitgum (hûsnrs 72K, 64), yn 1877, ’80 neamd beurtskipper, yn 1880 fearskipper; yn 1883, ’86, ’90, ’92 dêr arbeider (nr 39) en bargetysker (bargekeapman);
x Menameardiel 24-5-1876, 26 en 24 jier, Kornelia Pieternella van Huizen (ek: Cornelia Petronella, by de berte ynskreaun as Kornelia Pieternella; ropnamme: Pytsje) * Wateren, gemeente Diver, 9-12-1851 † Bitgum 17-1-1941, 89 jier, [] Bitgum, rigel 36, grêf 17; NH, letter G; wennet te Stienwikerwold, yn 1860 te Oldemarkt; yn 1870 faam te Snits; fan 29-9-1874 oant har troudei ynwenjend faam by Jan Egens van Iterson, frijsinnich Nederlâns Herfoarmd dûmeny te Bitgum, en syn frou Margaretha Johanna Horsch; as widdo hat Pytsje yn ’e mande mei har soan Durk gernierkerij te Bitgum (hûsnrs 343, 141); fan 12-11-1921 oant Alde Maaie 1924 is se húshâldster by Jabik Jabiks Kúk te Bitgum, de widner fan har nicht Tætske Sipkes Brouwer, sjoch hjirboppe XI.2.4; dêrnei sûnder berop te Bitgum (nrs 174, 182A; sûnt Alde Maaie 1926: nr 52); dr fan Johannes Johannes van Huizen, arbeider te Haarlem, kolonist te Willemsoard ûnder Stienwikerwold, yn 1851 skieppehoeder te Wateren, en Adriana Johannes Bouweling, arbeidster te Haarlem, fabrykswurkster te Frederiksoard, gemeente Fledder; Jehannes en Adriana kinne net skriuwe
Sjoch: Adriana Bouweling
Bern:
1 Adriana Gerbens Brouwer (Jaantsy) * Bitgum 26-4-1877 † Ingelum 29-3-1955, 77 jier, [] Ingelum, rigel 13; NH, letter G; foar har trouwen is Jaantsy ynwenjend faam, fan 17-8-1899 oant – neffens de Boargelike Stân – 31-5-1902 te Stiens; by trouwen sûnder berop te Bitgum; nei har houlik ferkeart de húshâlding yn 1904, ’05 te Hallum, yn 1906 te Bitgum, oant 20-5-1910 te Hallum, dan fiif jier te Burchwert (37c); sûnt 29-5-1915 te Bitgum (308); sûnt Alde Maaie 1925 te Ingelum (36);
x Ferwerteradiel 17-5-1902, 25 en 28 jier, Æde Ædes Postma * Marrum 28-2-1874 † Ingelum 26-12-1953, 79 jier, [] Ingelum, rigel 13; NH, letter G; arbeider te Hallum, Bitgum, Burchwert en Ingelum, dêr by Pylger Pieters Miedema en Pieter Pylgers Miedema; sn fan Æde Ædes Postma, arbeider te Marrum en Hallum, en Beitske Baukes Regnerus
Ut it houlik fan Jaantsy en Æde njoggen bern.
2 Sipke Gerbens Brouwer * Bitgum 14-10-1878 † Warnsveld, wenjend te St.-Anne, 16-6-1953, 74 jier, [] St.-Anne; NH, letter GT; arbeider, ferhuzet op 14-6-1897 út Bitgum nei Hjelbeam; ferfart dêrwei op Alde Maaie 1899 wer nei Bitgum; wennet fan 1-6-1902 oant Alde Maaie 1903 yn by Pieter Jobs Sijtsma en Baukje Pieters Post, arbeiders te Bitgum (89, 93); komt dan oant 21-4-1906 as kommensaal yn by Dirk Andries Koopmans en Hendrikje Haitses Haitsma, gerniers te Bitgum; Sipke wurdt dêrwei útskreaun nei St.-Anne trije dagen foar syn troudei, wennet dêr mei Gryt earst yn by dy har âldelju; dêrnei dêr arbeider wenjend op nrs 121a, 412, 495, 32; sûnt 12-6-1919 op nr B62k; dêr letter gernier en molksutelder op nrs 62b; sûnt 1-1-1931: nr B 1 33; sûnt -5-1933: nr 95; by ferstjerren dêr sûnder berop;
Dizze hûsnûmers wurde hjir yn detail sa neamd om twadderlei reden:
-om sjen te litten hoe faak in arbeider ferkast
-nei te gean wêr’t dit folk wenne oan ’e hân fan bygelyks HisGis
x It Bilt 24-5-1906, 27 en 26 jier, Grietje Lieuwes Nicolay * St.-Anne 16-3-1880 † Ljouwert, wenjend te St.-Anne, 22-8-1955, 75 jier, [] St.-Anne; NH, letter GT; by trouwen sûnder berop te St.-Anne; dr fan Lieuwe Alardus Nicolay, arbeider te Stiens, sûnt Alde Maaie 1877 idem te St.-Anne (121, 69, 82a), dêr yn 1880 stâlfeint en letter túnman (113a, 113b, 201), en Joukje Dirks Cuperus
De namme Nicolaij farieart by Gryt en Liuwe fan Nicolaij, Nicolay en Nicolai; Liuwe tekenet wol mei alle trije mooglikheden; yn ’e Boargerlike Stân stean se meast te boek as Nicolay
-Sipke wurdt op 13-12-1897 keurd foar de militêre tsjinst.
Sinjalemint: 1 Meter, 649 streepen; Aangezigt: rond; Voorhoofd: ord(idinair); Oogen: lichtblaauw; Neus: ord.; Mond: id(em); Kin: rond; Haar: donkerblond; Wenkbraauwen: id(em); Merkbaare teekenen: geene. Sipke sit yn Defisy 8 en wurdt op 10-3-1898 ôfkeard fanwegen gebreken.
Ut it houlik fan Sipke en Gryt gjin bern.
3 Johannes Gerbens Brouwer * Bitgum 28-10-1880; ferhuzet op 4-1-1890 út Bitgum nei Wagenborgen, hy wurdt dêr wierskynlik opnommen yn Groot Bronswijk, de Vereniging Tot Christelijke Liefdadigheid
4 Auke Gerbens Brouwer * Bitgum 18-12-1883 † Ljouwert, Diakonessehûs, wenjend te Bitgum, 27-7-1955, 71 jier, [] Bitgum, rigel 14; NH, letter GT; arbeider, wennet as kommensaal fan 1-10-1901 oant 1-7-1908 yn by Pieter Klazes Reitsma en Grietje Meinderts Ringia, gerniers en winkellju te Bitgum (74, 78), ferhuzet dêrwei nei Berltsum, wennet dêr as kommensaal yn by syn lettere skoanâlden; Auke en Sjouk wenje 7-7-1910 oant Alde Maaie 1911 yn St.-Anne (524), sûnt Alde Maaie 1911 te Menaam (Bitgum), sûnt Alde Maaie 1915 te Bitgum (354, 123), sûnt Alde Maaie 1918 op Bessebuorren ûnder Bitgum (77);
x Menameradiel 9-6-1910, 26 en 21 jier, Sjoukje Freerks van Dijk * Berltsum 27-2-1889 † 20-8-1962, 73 jier, [] Bitgum, rigel 14; NH, letter GT; fan 20-2-1904 oant 20-2-1905 ynwenjend faam te Rie; by trouwen sûnder berop te Berltsum; dr fan Freerk Bouwes van Dijk, pompmakkersfeint te Berltsum (464bûten), letter dêr pompmakker (207, 76, 79), en Uilkje Ybeles Zondervan
5 Dirk Gerbens Brouwer * Bitgum 21-10-1890 † dêr 2-5-1891, 6 moanne
6 Dirk Gerbens Brouwer, folget XIII.1
7 Johannes Gerardus Gerbens Brouwer, folget XIII.2
8 Hendrikus Gerbens Brouwer * Bitgum 30-7-1894 † dêr 20-8-1895, 12 moanne
XII.2 Auke Sipkes Brouwer * Bitgum1-9-1863 † Sutfen 20-7-1945, 81 jier; yn 1887 kondukteur-remmer by de Steatsspoarwegen te Rotterdam; yn 1892 kondukteur te Grins, yn 1890, ’92 te Swolle; te Ljouwert (Hendriksbuert U 129-123; Saailân F 48, ûnder by widdo G. Zijlstra); yn 1890 te Swolle, yn 1893 te Nijeskâns, yn 1894 te Emmerich; yn 1929 sûnder berop te Warnsveld;
te Ljouwert wennet Jantje Lykles Algra, suster fan Bauk, by te húshâlding yn;
x 1 Menameradiel 17-2-1887, 23 en 20 jier, Baukje Lykles Algra * Menaam 13-5-1866 † Ljouwert 8-6-1890, 24 jier; by trouwen sûnder berop te Menaam; dr fan Lykle Jurjens Algra, gernier te Menaam, en Baukje Franses Holwerda, gernierske te Menaam, as widdo dêr ek arbeidster;
x 2 Nijeskâns 13-2-1892, 28 en 20 jier, Margaretha Alberts Kroeze * Nijeskâns 30-8-1871; NH; by trouwen sûnder berop te Nijeskâns; dr fan Albert Ottes Kroeze, yn 1871 stjoerman te Nijeskâns, yn 1892 dêr winkelman, en Hebelina Jans Witting;
x 3 Grietje Gerrits Stiemstra * De Jouwer 5-8-1870 † Sutfen 17-1-1955, 84 jier; dr fan Gerrit Franses Stiemstra, yn 1868, ’70 skuonmakker op ’e Jouwer (hûsnr 351), en Akke Petrus Praamsma
Bern út it earste boask:
1 Baukje Aukes Brouwer * Rotterdam 24-5-1887 † 4-12-1970, 83 jier, [] Bilthoven, gemeente De Bilt; NH; ferhuzet op 2-7-1890 út Rotterdam nei Bitgum; wennet dêr yn by har muoike en omke Tætske Brouwer en Jabik Kúk; ferhuzet dêrwei op 19-3-1892 nei Swolle; ferpleechster;
x Sutfen 3-8-1910, 23 en 22 jier, Romke Pieters van der Weerdt * Feanwâlden 5-4-1888 † 6-12-1965, 77 jier, [] Bilthoven, gemeente De Bilt; sn fan Pieter Romkes van der Weerdt, yn 1888 timmerman te Feanwâlden, yn 1917 seinwurker by de Steatspoarwegen te Ljouwert, en Tetje Roelofs van der Veen
Bern út it twadde houlik:
2 Hebelina Brouwer * Swolle 28-9-1892
3 Albert Brouwer * Nijeskâns 14-10-1893 † Ljouwert 30-8-1958, 64 jier; NH, letter GT; hannelsfeint te Sutfen; sûnt 15-5-1914 hannelsfeint, letter hannelsagint te Ljouwert, yn 1929 dêr assuradeur (Jan Brouwerssteeg G4, Willemskade F42, Willem Loadewykstraat U95); yn 1934 dêr ynspekteur fan in libbensfersekeringsmaatskippij; by ferstjerren dêr fersekeringsagint;
x 1 Haskerlân 15-4-1929, 35 en 28 jier, skieding by fûnis Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 18-1-1934, Janneke Titia Pieterdina van der Kleij * Burgum 12-4-1901; GT; by earste houlik sûnder berop te Westermar, binnen de lêste seis moannen te Egmond oan See; komt op 12-2-1934 út Ljouwert yn Den Haach (Goudsbloemlaan 190), ferhuzet dêrwei op 22-3-1934 nei Diver; komt op 19-11-1934 dêrwei yn Huzum, ferhuzet dêrwei op 1-10-1938 mei har twadde man nei Utrecht (Westerkade 37); dr fan Eduard Pieter van der Kleij, yn 1899 klerk te Dokkum, yn 1906 ryksklerk by de belestings te Ljouwert, ryksûntfanger fan ’e yndirekte belestings, ynfierrjochten en aksynzen te Westemar, yn 1924 te Ychten, yn 1926 te Westermar, en Martha Sytzes Kemp;
Janneke van der Kleij x 2 Willem Fortuin * Hoogeveen 7-4-1893; NH; arts, yn 1920 te Eastersee, yn 1924 te Meeden, sûnt 30-5-1925 te Huzum (C108, Riedhússtrjitte 7), sûnt 1-10-1938 te Utrecht; sn fan Jan Hendrik Fortuin, sigarehanneler te Kampen, Ljouwert en Den Haach, en Fokeltje Vogelzang
Willem Fortuin x 1 Johanna Mathilda van Rees * Maassluis 24-12-1887; RE;
x 2 Den Haach 29-8-1934, 40 en 32 jier, Ruurdtje Tjerks Boonstra * Skillaard 30-11-1901 † Ljouwert 13-12-1986, 85 jier; NH, letter GT; by trouwen sûnder berop te Ljouwert; dr fan Tjerk Cornelis Boonstra en Akke Hendriks Palsma, greidboeren te Wiuwert, Skillaard, Easterlittens, Wammert en Mantgum; letter rinteniers te Ljouwert;
Ruerdtsje x 1 Ljouwert 6-12-1927, 26 en 25 jier, Adriaan Willem Jaarsma * Wapserveen, gemeente Havelte, Drinte, 13-8-1902 † Ljouwert 23-9-1932, 30 jier; NH, letter GT; tsiiskeapman te Huzum, sûnt 29-12-1927 idem te Ljouwert; sn fan Adriaan Willem Jaarsma, yn 1899 direkteur suvelfabryk Ryptsjerk, sûnt 1-5-1903 tsiiskeapman te Ljouwert, sûnt 6-6-1923 idem te Huzum, en Aaltje Jans Bouma
Sjoch: Genealogy Palsma VIII.1.4
4 Otto Brouwer * Emmerich 1897; by trouwen bankwurker;
x Brummen 26-6-1920, 23 en 22 jier, Christina Bennink * Brummen; by trouwen sûnder berop; dr fan Johannes Bennink, mitselder, en Femmetje Hoofjes
GENERAASJE XIII
XIII.1 Dirk Gerbens Brouwer * Bitgum 12-9-1892 † Ingelum 2-11-1960, 68 jier, [] Ingelum; G; yn ’e mande mei syn mem gernier te Bitgum; dêr arbeider (136); sûnt 2-1-1924 idem te St.-Anne ûnder Bitgum oan ’e Langestraat; sûnt 21-5-1931 wenjend op nr 202 te Bitgum; sûnt Alde Maaie 1937 op dêr nr 350; sûnt Alde Maaie 1939 op nr 392, 354; sûnt 1-12-1939 dêr op nr 196; sûnt 14-5-1940 te Ingelum op nr 93, dêr ek piteroalyhanneler; by ferstjerren dêr sûnder berop;
x It Bilt 17-5-1917 Aaltje Petrus Feenstra * Nijegea, Smellingerlân, 25-2-1891 † Ingelum 21-2-1952, 60 jier, [] Ingelum; KG, G; foar har trouwen ynwenjend faam te Garyp en St.-Anne; dr fan Petrus Klazes Feenstra, arbeider te Nijegea, sûnt 29-7-1893 te Sumar, sûnt Alde Maaie 1913 te St.-Anne, letter te Froubuorren en St.-Anne, en Baukje Allardus de Jong
Bern:
1 Baukje Brouwer * Bitgum 15-9-1919 † St.-Anne 29-1-2002, 82 jier, [] Ingelum; G; by trouwen sûnder berop te Ingelum;
x Menameradiel 28-6-1945, 30 en 25 jier, Merk Tijsma (Murk) * Ginnum 12-1-1915 † 30-7-1993, 78 jier, [] Ingelum; by trouwen arbeider te Feinsum, dêrnei te Bitgummole; sn fan Rients Pieters Tijsma, arbeider, 1903 te Jislum, 1906 te Ferwert, 1911 te Ginnum, 1916 te Hegebeintum, 1923 op Alde Leie ûnder Feinsum, dêr letter gernier, en Yttje Jans Drost
2 Kornelia Pieternella Brouwer * St.-Anne 22-2-1925 † 15-11-2010, 85 jier, [] St.-Anne; G; by trouwen sûnder berop te Ingelum;
x Menameradiel 17-11-1949, beide 24 jier, Dirk Postma * Warten 15-8-1925 † 1-5-1972, 46 jier, [] St.-Anne; by trouwen arbeider te Gau; sn fan Rein Postma, fabryksarbeider te Warten (184, 63, 69, 103, 64), en Hendrikje Dirks van der Veen
XIII.2 Johannes Gerardus Gerbens Brouwer (Jan) * Bitgum 7-11-1886 † dêr 11-2-1949, 62 jier [] Bitgum; G; by trouwen arbeider te Bitgum, dêr letter sutelder en winkelman; boade begraffenisferiening De Laatste Eer Bitgum; warber lid Kristlik Fryske Krite Karel Roarda Bitgum;
x Menameradiel 10-6-1909, 22 en 23 jier, Trijntje Sipkes Weiland * Berltsum 1-9-1885; by trouwen sûnder berop te Berltsum; winkelfrou te Bitgum; dr fan Sipke Annes Weiland, by syn trouwen yn 1881 skipper te Gersleat, dêrnei idem te Berltsum (242, 353, 360), by syn ferstjerren yn 1903 dêr arbeider, en Jantje Jans Bolding
Bern:
1 Gerben Brouwer, folget XIV.1
2 Sipke Brouwer, folget XIV.2
3 Jantje Aafje Brouwer * Bitgum, Menamer doarpsgebiet, 25-11-1915 † Noardburgum 2-8-2001, 85 jier, [] Bitgum, yn it grêf fan har âlden; by trouwen sûnder berop te Bitgum; skriuwster fan it toanielstik Wol bûgd mar net brutsen
x Menameradiel 8-5-1941, 25 en 24 jier, Jacob Laverman * Hijum 27-12-1916 † 6-9-1991, 74 jier, [] Bitgum; by trouwen smid te Rinsumageast, de lêste 6 moannen te Nijewier; smidsfeint te Bitgum by Meganisaasjebedriuw Gerrit Venema; sn fan Pieter Fokkes Laverman, yn 1911, ’41 arbeider te Hijum, en Petrusje Petrus Bosma.
Bern:
1 Trijntje Laverman (Tine) * Bitgum 1942; by trouwen sûnder berop te Bitgum;
x Menameradiel 7-3-1963 Daam de Vries * Bitgummole; by trouwen fabryksarbeider te Bitgum; sn fan Gosse Piebes de Vries, arbeider te Bitgummole, en Ætske Daams Bakker
2 Pieter Laverman * Bitgum 1943; magasynmaster, letter administrateur te Wanneperveen;
x Menameradiel 18-11-1966 Jelske Leemburg * Bitgummole † Vollenhove 25-12-2021; by trouwen ferkeapster te Bitgummole; dr fan Geert Leemburg, timmerman, en Maartje van der Meer
3 Petrus Laverman (Peke) * Bitgum 20-10-1947; by trouwen belestingamtner;
x Menameradiel 12-5-1970 Grietje Boomsma * Berltsum 2-10-1945; by trouwen typiste; dr fan Wybe Boomsma, yn 1970 suvelarbeider te Berltsum, en Albertje Miedema
4 Maria Laverman (Rykje) * Bitgum; by trouwen naaister te Bitgum;
x Menameradiel 1-11-1968 Jacob Hoekstra * Froubuorren; by trouwen lasser en bankwurker te Ljouwert; sn fan Laas Hoekstra, yn 1968 produksjelieder te Noord Scharwoude, en Jacoba Siebrigje Steenbeek
5 Aafje Laverman (Afke) * Bitgum 13-1-1952; by trouwen help yn ’e húshâlding te Bitgum;
x Menameradiel 27-10-1972 Anne Steffen Vlasma * Wetsens 15-2-1952; sn fan Harmen Vlasma, boer te Brantgum en Wetsens, fabryksarbeider te Seisbierrum, en Trijntje Elgersma
6 Fokke Laverman * Bitgum 1954/St.-Anne/;
x W. de Boer.
4 Anne Brouwer, folget XIV.3
5 Auke Brouwer, folget XIV.4
6 Dirk Brouwer, folget XIV.5
FOTOGALERIJ
GENERAASJE XIV
XIV.1 Gerben Brouwer * Bitgum (Menamer doarpsgebiet) 21-9-1911 † 5-11-2003, 92 jier, [] Rozenburg, Molenweg 40; arbeider te Bitgum (hûsnrs 67, 140); 1960-1980 koster by de Grifformearder Tsjerke te Rozenburg (Julianastraat 1)
x Menameradiel 12-4-1934, 22 en 19 jier, Antje Hendriks de Jong * Rinsumageast 26-8-1914 † Brielle 25-10-2010, 96 jier, [] Rozenburg, Molenweg 40; by trouwen faam te Hallum (nr 470); dr fan Hendrik Doedes de Jong, by trouwen yn 1914 arbeider te Burdaard, dêrnei te Rinsumageast, yn 1934 idem te Hallum, en Janke Lieuwes Vink, by trouwen faam te Burdaard (yn ’e Boargerlike Stân ek: Fink, Antsje skriuwt sels: Vink)
Bern:
1 Johannes Brouwer, folget XV.1
2 Janke Brouwer
3 Tine Brouwer
x C.P. van der Knaap
4 Henny Brouwer
5 Jannie Brouwer
x H. Lanjouw
6 Renske Brouwer
x H. Wedel Larsen
7 Sippie Brouwer
XIV.2 Sipke Brouwer (Sip) * Bitgum (Menaam) 5-1-1914 † 10-3-1995, 81 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; sutelder te Bitgum; by trouwen dêr keapman, dêr arbeider;
x Menameradiel 8-5-1941, 27 en 23 jier, Leentje Arendina Struiksma (Leen) * De Grinzer Pein (Opeinde), gemeente Gruttegast 23-12-1917 † Ljouwert 12-9-2012, 94 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; by trouwen sûnder berop te St.-Jabik, dr fan Andries Tækes Struiksma, yn 1917 keapman yn ’e Grinzer Pein, sûnt 10-5-1930 arbeider te St.-Jabik, dêr keapman yn plomfee, letter mûnersfeint, en Hendrikje Lieuwes Mellema
Bern:
1 Johannes Gerardus Brouwer, folget XV.2
2 A. Brouwer
x M.J. Postmus
3 H. Brouwer
x J.G. Brouwer
XIV.3 Anne Brouwer * Bitgum (Menaam) 12-5-1921 † 18-11-1982, 61 jier, [] Boarnburgum; by trouwen plysje te Jutphaas, de lêste 6 moannen te Diepenveen;
x It Bilt 17-6-1943, 22 en 21 jier, Antje van der Honing (Annie) * Ketlik 30-9-1921 † Oerterp 5-2-2016, 93 jier, [] Boarnburgum; dr fan Andries Meeuwes van der Honing, yn 1921 molkrider te Ketlik, yn 1943 arbeider te Froubuorren, en Wytske Koops Jansma
Bern:
1 Johannes Gerardus Brouwer, folget XV
2 Andries Brouwer, folget XV
3 Gerben Brouwer, folget XV
4 Wytske Brouwer * Boarnburgum 3-5-1956/Emmen/
x 16-9-1977 Hille Tjoelker * Wyns 1954; sn fan Klaas Tjoelker, bakker, konsjerzje Mavo, en Jelly Krist
5 Sipke Brouwer, folget XV
XIV.4 Auke Brouwer * Bitgum 11-10-1918; by trouwen arbeider te Bitgum; fersetsstrider, lid fan ’e KP: Lanlike Knokploegen-Fryslân; yn 1980 te IJmuiden;
x Kollumerlân 24-5-1942, beide 23 jier, Sijtske Reitsma * Westergeast 22-3-1919; by trouwen sûnder berop te Sânbulten; dr fan Hendrik Harmens Reitsma, yn 1906 arbeider te Feanwâlden, yn 1927 spoarweiwurker te Westergeast (hûsnrs 15, 73), letter idem te Kollumersweach (nrs 188, 134, 171, 41) en Jantje Wierds de Boer, yn 1942 beide sûnder berop te Sânbulten.
Bern:
1 Max Brouwer
2 Jannie Brouwer
XIV.5 Dirk Brouwer * Bitgum 11-4-1923 † 21-7-2001, 78 jier, [] St.-Anne; arbeider te Bitgum; letter te St. Maarten Dirkshorn;
x Menameradiel 22-5-1947 Dieuwke Lammerts Baron (Doet) * Jorwert 16-3-1920 † 4-1-2009, 88 jier, [] St.-Anne; dr fan Lammert Wiebes Baron, by syn trouwen yn 1916 arbeider te Suwâld, sûnt 21-5-1917 te Jorwert (hûsnr 92), sûnt 22-5-1920 te Wurdum (nrs 4, 209), sûnt 17-8-1927 te Suwâld (nrs 121, 103, 111) dêr arbeider en winkelman, en Romkje Klazes Koop
Bern:
1 Rommy Brouwer
x Folkert Wierda
2 Jan Brouwer, folget XV
3 Lammert Brouwer, folget XV
4 Tineke Brouwer
GENERAASJE XV
De folchnûmers yn ’e neikommende generaasjes wurde noch oanfuld neffens gegevens dy’t noch ynkomme.
XV Johannes Gerardus Brouwer (Joop) * Ljouwert 22-6-1944/Boarnburgum, Easterbuorren 84/
x 22-06-1967 Hennie Schregardus * Ænjum 28-12-1946; dr fan Jasper Schregardus en Grietje Holwerda
Bern:
1 Grietje Brouwer * Drachten 8-8-1968
x Stienwyk 15-7-1991 Lieuwe Oldersma * Drachten 25-4-1967; sn fan Kornelis Lieuwe Oldersma en Janke de Wilde
2 Anne Brouwer, folget XVI
3 Jasper Brouwer, folget XVI
XV Andries Brouwer * 29-5-1946/Boarnburgum/
x Smellingerlân 6-7-1967 Grietje Postema * Opsterlân 21-2-1947; dr fan Popke Postema en Dieuwke Schokker
Bern:
1 Anne Brouwer, folget XVI
2 Harm Popke Brouwer, folget XVI
XV Gerben Brouwer * 15-10-1951/Beetstersweach/
x 28-9-1973 Anneke Bouma; dr fan Pieter Bouma en Johanna Bosscha
Bern:
1 Anne Brouwer * Drachten 12-5-1976
2 Pieter Brouwer, folget XVI
3 Johannes Gerard Brouwer (Gerard) * Drachten 3-6-1983
XV Sipke Brouwer * 12-8-1961/Boarnburgum/
x 19-12-1991 Janneke Dijkstra; dr fan Pieter Dijkstra en Catharina Maria Beijaard
Bern:
1 Catharina Brouwer * Drachten 26-10-1996
2 Annemarie Brouwer *-† Drachten 17-12-1997
3 Anne Brouwer * Drachten 14-4-1999
XV Jan Brouwer/Hurdegaryp/
x Alie Groeneveld
Bern:
1 Martin Brouwer
2 Ronald Brouwer
XV Lammert Brouwer/Berltsum/
x Tineke Boersma
Bern:
1 Frieda Brouwer
2 Dirk Jan Brouwer
3 Dieuke Froukje Brouwer
GENERAASJE XVI
XVI Anne Brouwer * Drachten 15-10-1969;
x 21-8-2009 Patricia Hensen * Ljouwert 10-4-1967; dr fan F.C.M. hensen en P. Schui;l
Patricia x 1 – skieden – Bram Pooters
Bern:
1 Justin Pooters * Drachten 20-8-2003
2 Sven Brouwer * 16-11-2008
3 Milan Brouwer * 9-10-2010
XVI Jasper Brouwer * Drachten 2-4-1976;
x 4-10-2002 Baukje Bouma * Drachten 29-6-1976; dr fan J. Bouma en W. van der Bij
Bern:
1 Jesse Jan Brouwer * 18-9-2006
2 Ruben Gerardus Brouwer * 4-3-2008
XVI Anne Brouwer * Drachten 28-9-1968;
x 11-9-1997 Lidia Poort * Noard Oast Polder 23-11-1974; dr fan Pieter Poort en Wiesje W.D. Buist
Bern:
1 Andries Brouwer * Grins 27-6-2006
2 Pieter Brouwer * Grins 27-6-2006
XVI Harm Popke Brouwer * Drachten 26-8-1970;
x Weesp 24-10-2003 Melissa de Haan * Vlaardingen 31-1-1973; dr fan Robert de Haan en Marian D. Klok
Bern:
1 Tess Janna Grietje Brouwer * Amsterdam 26-7-2004
XVI Pieter Brouwer (Piet) * Drachten 21-2-1978;
x Gertiena Koenen
Bern:
1 Gerben Brouwer
Wurdt fuortset