Cultura hat hannelskontakten yn Frankryk, België, Silezië, East-Dútslân, Tsjechoslowakije, Ingelân en Skotlân. Algemien fertsjintwurdiger en betûft hannelsreiziger Ruurd Minnes Braaksma docht fan syn reizen nei Grut Brittanië skriftlik minisjeus ferslach oan syn meifirmanten. Yn Grut Brittanje strikt er ôfnimmers  yn Londen, Liverpool, Glasgow, Edinburgh, Leith en Dundee.

BRAAKSMA RUURD SILHÛET
Sylhûet fan Ruurd, knipt yn Wenen op ien fan syn hannelsreizen yn 1921
(argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

Yn in notysjeboekje hâldt Ruurd in deiboekje by.

Maandag 7 Nov. [1919]: Smorgens uit Leeuwarden naar Rotterdam waar ik om 12 uur aankwam half drie gegeten met Leendert [Runia, sjoch fierderop] en toen vissen gehaald. S’avonds 10 uur op de boot. Die Dinsdagmorgen na een storm op zee meegemaakt te hebben en vreselijk zeeziek geweest toen om 8 uur in Harwich aangekomen [?]

Hy beskriuwt û.o. in hannelsreis fan 7 oant 19 novimber nei Ingelân en Skotlân, benammen om flaaks oan ’e man te bringen. Dat liket net sa suksesfol.

10 novimber: Smorgens eerst bij Nibets [?] geweest, ook mis had genoeg Egyptisch vlas voor de helft en Russisch handelde [?] anders wel in het vlas maar men kon het niet kwijt aan de spinners.

(Ut de hannelsferslaggen komt hjir letter mear ynformaasje)

 

hettema briefkaarta
Ruurd krijt in oarder troch fan mei-firmant Hette Hettema
(argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

BRAAKSMA RUURD MINNES + HARLEY
Ruurd mei syn Harley ûnder Aldeleie. Twa Borgers op ’e sitting
(argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

Knipsel
Ruurd is gauris op hannelsreis mei Leendert Runia (Berltsum 1898-Ljouwert 1983), de âldste soan fan Cultura-firmant Anne Leenderts Runia. Leendert is yn 1925 troud mei Baukje (Bauk) van der Schaaf (Bitgummole 1902-Ljouwert 1934) en yn 1936 mei har âldste suster Jitske (Jikke) van der Schaaf (Bitgummole 1896-Ljouwert 1984), dochters fan Arjen Dirks van der Schaaf, ierdappelkeapman te Bitgummole en âldste broer fan Doekle en Piter.
(argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

Leendert is meifirmant fan de Firma Runia-Van der Schaaf te Ljouwert, yn- en eksport fan setierdappels. Syn sakepartners binne syn sweagers Dirk Arjens van der Schaaf, ierdappelkeapman te Ljouwert, en Sybren Arjens van der Schaaf, ierdappelkeapman en -kweker te Bitgummole.
Durk (Bitgummole 1900-Ljouwert 1971) is troud mei syn nicht Baukje Synes Nauta, dochter fan Maaike Dirks van der Schaaf en Syne Wybes Nauta.

Sybren van der Schaaf (Bitgummole 1903-1981) rjochtet yn 1951 de kwekersorganisaasje FOBEK op – Foar Boer En Keapman. Hy is direkteur oant 1971, syn soan Durk folget him dan op. (Sjoch letter fierderop.)

SCHAAF ARJEN DOUWES
In oare hannelskompaan fan Ruurd Braaksma is Arjen Douwes van der Schaaf, neamd ta ûnderskie fan syn neef Arjens Durks: AD (Bitgummole 1892-Ljouwert 1949), ierdappelkeapman, soan fan Douwe Arjens van der Schaaf (Bitgummole 1843-1917), gernier en ierdappelkeapman te Bitgummole, en  fan Grietje Tjeerds Runia. Arjen syn dochter Rigtje (Richt, Bitgummole 1928-Kruiningen) trout mei Hette Tjitzes Hettema (sjoch fierderop)
(foto: J. Dwinger, Grêftswâl 9, Ljouwert)

SCHAAF VAN DER DOUWE ARJENS        RUNIA GRIETJE PIETERS

De âlden fan Arjen Douwes van der Schaaf: Douwe Arjens en Kike Runia; Gryt waard ‘Kike’ neamd: in flaainamme foar Grytsje
(foto: J.H. Slaterus, Ljouwert)

In ‘hannelsreis’ dy’t Ruurd en Arjen noait wer ferjitte sille, is dy yn ’e Twadde Weareldoarloch, op ’e fyts nei België. Se ha berjocht krigen dat skippen mei in lading setters fan har ferdwûn binne, mooglik binne se sinke litten. Ien fan ’e skippen hyt Go Ahead. Se fine har hannel net werom, mar dat kin har al neat mear skele: it aaklikste fan ’e reis bliuwt it byld fan al dy liken dy’t hjir en dêr samar oan ’e kant fan ’e dyk lizze. Dat!

Nei de oarloch krije se wat fergoede út de herstelbetellingen, sadat de strop achternei net iens grut is. Mar dat aaklike byld, dat bliuwt.

Untbûn en ferbûn, en lekker ite
Set de stânfêstige ûndernimming Cultura breed út ein, de krigele firmanten ûntdekke geandewei dat se dochs wer saken foar eigen rekken dwaan wolle. Dizze yndividualisten ûntbine yn folsleine oerienstimming har koöperaasje op 1 juny 1922. Se gean wer har eigen wegen, allyksa oer de grinzen hinne. Sans rancune – as it sa útkomt skewiele se inoar yn ’e fierdere hannel.

Mei nocht en wille. Se geane mei-inoar tenei lekker út te iten. De eardere koöperators yn Cultura-ferbân litte it har goed smeitsje, mei-inoar as partikuliere keaplju en kwekers en mei oare kopstikken út de hannel. Yn it argyf fan Cultura, berêstend by Minne Ruurds Braaksma te Ljouwert, binne ytlike menukaarten bewarre.

menu3menu4

Hjirboppe in menu út 1939 mei derachterop de hantekeningen fan: Tjitze Hettema, Pieter Braaksma, G.F. Elzinga fan Stiens, Erzo Gerrit Luttmer fan Stadskanaal, Sybren van der Schaaf fan Bitgummole, Hendrik de Haan, firmant fan ’e firma Siegersma & De Haan te Berltsum, Hilbrand Brandsma, fan H.J. Brandsma & Zn te Stiens, en Freerk H. Siegersma. Dy hantekeningen stean allegear deselde kant út, se ha deselde niging nei opgeand-meigeand-rjochts-omheech; yn hannelsopsicht: net wjerstribbich ûnderinoar, mei-inoar opereare. Tsjut dat op mienskiplike gesanten, of besibbe geasten? Fiif fan ’e acht ha in streek ûnder har statement set.

Yn ’e kantline wurdt noteard: Weer een weddenschap tussen Luttmer en Tj. Hettema (en wedzjen wie eins oars net sa wiis foar minnisten en grifformearden).

Erzo Luttmer (Sappemeer 1890-Ljouwert 1940) is ien fan ’e foaroansteande ierdappelpommeranten, hy is eksporteur fan ierdappels en sipels te Stadskanaal, benammen nei Ingelân en Dútslân en hy hat dêrneist in fleiswarefabryk.

MENU HANTEKENINGEN
Op ’e achterkant fan dizze menukaart is wer sprake fan in weddenskip. De hantekeningen binne fan: Erzo Luttmer, Tjitze Hettema, Sybren van der Schaaf, Ruurd Braaksma en Ritske Tulner fan Firma Tulner & Zn, letter Tulner & De Vries te St. Anne 

BRAAKSMA MENU 1940BRAAKSMA MENU 1937 KRASNAPOLSKYBRAAKSMA MENU 1939
BRAAKSMA MENU 1933BRAAKSMA MENU 1936
Lekker ite en drinke, it goede libben ek yn krisistiid (1933) en likegoed mei in driigjende oarloch yn ’t fizier (1940)

Knipsel
De Nederlandsche Bond van Aardappelhandelaren fiert in jubileum yn 1927. De Cultura-keaplju c.s. binne fan ’e partij. Bestjoerslid Yme C. Schuitmaker (Frjentsjer 1877-Ljouwert 1961), ierdappelhanneler te Ljouwert, makket mannich lieten foar de feestjûn. Schuitmaker skriuwt neist syn wurk as ierdappelkeapman mear as fjirtich Fryske toanielstikken en revu’s, faak mei in maatskiplik fraachstik as tema
(argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

De eardere firmanten fan Cultura sitte foar in part en mei-inoar yn organisaasjes oangeande de ierdappelhannel, lykas yn de Stichting Nederlandsche Bond van Exporteurs van Aardappelhandelaars (B.E.A.). As de foarsitter G.C.C. Sievers yn 1944 yn Den Haach ferstjert, sette de bestjoersleden in advertinsje yn ’e lanlike kranten ‘Met groote droefenis geven wij hierdoor kennis’: J. Bekius (dir. fan de ZPC) te Ljouwert, Tjitze Hettema te Bitgummole, R.W. Janssen te Roosendaal, W. Oliemans te Hilligersberg en Ritske Hendriks Tulner te St. Anne.

CULTURA BOND
Yn 1933 wurdt de Firma M. Braaksma & Zonen te Berltsum lid fan ’e Vereeniging van Friesche Exporteurs van Plantaardappelen. Tekene troch Ruurd Minnes Braaksma en it bestjoer Tjitze Hettema, foarsitter, Ritske Tulner, sekretaris, Dirk Arjens van der Schaaf, penningmeester, Ruurd Braaksma en Marten Pieters van Dijk fan Maison Martin, ierdappeleksport te St. Anne (de Frânse namme fan Marten syn hannelshûs hat alles te krijen mei de hannel op Frankryk)
(argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)

BEURSGEBOU
De Beurs te Ljouwert, om 1925 hinne (boud yn 1880, arsjitekt Thomas Romein).
De keaplju har betroude honk yn ’e hannel (yllustraasje: internet)

CULTURA IERDAPPELBEURS
De Ierdappelbeurs yn ien fan syn lêste dagen yn ’e tachtiger jierren fan ’e 20e ieu
(argyf Minne Ruurds Braaksma, Ljouwert)