Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
KERTIERSTEAT JOHANNES HARTMAN VAN AISMA
1. Johannes Hartman van Aisma * St.-Anne (Oasteand, Van Harenstraat 20) 21-3-1866 † Ljouwert (Diakonessehûs) 31-10-1942 [] Bitgum r. 13 gr. 3; komt 31-8-1871 mei syn styfmem Hermina Busscher en syn healbroer Hartman út St.-Anne yn Bitgummole; ferfart 21/26-5-1873 nei syn pleechâlden, syn muoike en omke Fabrij de Jonge-van Aisma, te Ljouwert; wurdt op 13-3-1886 goedkeurd foar de Militêre Tsjinst, syn pleechheit Fabrij de Jonge keapet op 17-4-1886 foar him as pleatsferfanger/nûmerferwikselder Johannes Gerritsen te Ljouwert;
Johannes Hartman docht ien jier gymnasium en ien jier HBS te Ljouwert; ferhuzet op 21/26-9-1887 út Bitgummole nei Leiden, studeart dêr sa’n acht jier oan ’e Universiteit fan Leiden, mar makket de stúdzje net ôf (meidieling Jan van der Leij, Bitgummole), hy húsmannet dêr noch yn 1890; wennet yn 8-11-1895 te Beverwyk en 15-11-1895 te Amsterdam, lykas dêr ek yn 1902, ’06; ferfart Alde Maaie 1906 út Bitgummole nei Dútslân; hy komt Alde Maaie 1906 yn te wenjen by syn ‘Tante Geertje’ op Nieuw Aisma te Bitgummole en bliuwt dêr nei har ferstjerren, tenei mei in húsfeint/hûsbewarder en syn frou; dat binne fan 9-9-1925 oant syn ferstjerren Hendrik Wolfslag * Ljouwert 29-5-1886; by trouwen kelner te Ljouwert; sn fan Albertus Georgius Wolfslag, arbeider en útdrager te Ljouwert, en Trijntje Pieters Pitstra; x Ljouwert 12-8-1925 Aaltje Nijland * Ljouwert 1884; by trouwen tsjinstfaam te Marsum; dr fan Jan Jans Nijland, arbeider en besoarger fan guod (goederenbesteller) te Ljouwert, en Hilligje Jans Bel.
Johannes Hartman is lâneigner te Bitgummole (plm. 300 pûnsmiet). Hy is bestjoerslid fan Het Beetgumer en Engelumer Nieuwland en kommissaris fan ’e N.V. Beetgumer Bureweide.
Hy is fan 1915 oant syn fertigen beskermhear fan keatsferiening O.K.K. (Oefening Kweekt Kunst) te Bitgummole. Hy stelt gâns prizen beskikber. De nei him neamd is ‘Van Aisma Partij’, dy wurdt alle jierren op ’e Van Aisma-dei yn Bitgum keatst.
Sjoch: Tusken Gripe & Telegraaf – 100 jier O.K.K. Bitgum –
-Haadstik 4 Johannes Hartman van Aisma
–Haadstik 6 Joh. van Aisma-stichting
–Haadstik 1 Yn ’e Greep fan de Gripe, noat 9
By testamint wurdt syn lânbesit en hûs ûnderbrocht yn de ‘Johannes Hartman van Aismastichting. Yn it hûs moat de ynrjochting fan ien keamer yn takt hâlden wurde sa’t Van Aisma dêr wenne hat, mei syn skriuwburo, oare meubels, kasten mei boeken en diggelguod en (foto)portretten. Yn it oare part fan it hûs resideart de behearder. Fan 30-12-1942 oant 3-11-1969 (mei in ûnderbrekking fan 13-10-1944 oant 15-4-1945) wennet hjir de boargemaster fan Menameradiel, Dirk Torensma. Dêrnei binne behearder Jan Willems Dijkstra * Bitgum 10-4-1907, gernier, letter boer oan ’e Langestraat te Bitgummole; sn fan Willem Piers Dijkstra, gernier, letter boer oan ’e Langestraat te Bitgummole, en Grietje Jans Groenveld; x Menameradiel 15-5-1930 Trijntje de Vries * Bitgum 14-6-1908; dr f. Jelle Gerrits de Vries, arbeider en sutelder yn bakkersguod te Bitgum, en Antje Minnes Braaksma; by har yn wennet ek Janke de Vries * Bitgum 26-6-1910, suster fan Tryntsje; Jan Willems Dijkstra is neist behearder, bestjoerslid fan ’e J.H. van Aismastichting; soan Grietzen * Bitgummole 3-4-1945 allyksa en letter foarsitter. Hy wennet dêr mei de húshâlding fan 1-12-1969 oant 27-9-1988.
Yn 1988 wurdt de ynboel ferkocht en yn 1989 komt it hûs op buorden en wurdt it kocht troch Jacob Visser, dy’t dat op 1-10-2008 fan ’e hân docht.
Nei Johannes Hartman wurdt de Alddyk troch Bitgummole hinne neamd: de J.H. van Aismawei.
Sjoch: Genealogy Van Aisma VII.1
2 Hartman Johannes van Aisma * Dyksterhuzen op Groot Aisma (=Nij Grut Aisma) 16-3-1831 † Bitgummole 28-8-1871, Nieuw Aisma, Van Aismawei 93, 40 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 8; sûnt -1-1853 boer ûnder St.-Jabik op de saneamde Blauwe Plaats, ’e Kouweweg 40 (hoeke Kouweweg-Aldebiltdyk-oast); ferfart te maaie 1865 dêrwei nei St.-Anne (nr 80, letter Van Harenstraat 20.
Hartman is gemeenteriedslid fan It Bildt fan 2-6-1855 oant 7-9-1869 (bedankt); steatelid fan -1-1867 oant syn ferstjerren; boargemaster fan It Bildt fan 30-6-1864 oant syn ferstjerren; sûnt de oprjochting op 25-4-1853 foarsitter fan ‘De Watermolenpolder’ op it Ald Bilt; op syn foarstap wurdt 2-10-1869 oprjochte de ‘Kerkelijke Liberale Kiesvereniging Eensgezindheid’; sûnt 9-6-1870 foarsitter fan ’e dan oprjochte Vereniging tot Wering van Schoolverzuim, te St.-Anne; sûnt 28-12-1867 tsjerkfâd te St.-Anne; oprjochter fan it sjongselskip ‘Van Aisma’ te St.-Anne; etc.
x 1e Menameradiel-9-1852, 21 en 23 jier, Jannigje Klazes Wassenaar * St.-Jabik 13-6-1829 † St.-Anne 20-3-1863, 33 jier; by trouwen sûnder berop te St.-Jabik; eigner fan de Blauwe Plaats; dr fan Klaas Boyens Wassenaar, bouboer oan ’e Aldebiltdyk (hoeke Kouweweg) ûnder St.-Jabik; tsjerkfâd te St.-Jabik; lid Munisipale Rie, letter gemeenteriedslid It Bilt, wethâlder, folmacht foar St.-Jabik, en fan Trijntje Hendriks Spekman, bouboerinne te St.-Jabik;
3 Menameradiel 8-9-1869, op houlikse betingsten, 38 en 23 jier, Hermina Busscher * Bitgummole 16-10-1845, hûsnr âld B81, letter B183, J.H. van Aismawei 69/71, † Bitgummole 29-11 1881, Nieuw Aisma, letter Van Aismawei 69/71, 36 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 7; Hermina is ynwenjend bernefaam oer de wees Johannes Hartman by har lettere man; ferhuzet op 7-10-1869 mei har soantsje Hartman út Bitgummole nei St.-Anne; komt 31-8-1871 mei har styfsoan Johannes Hartman en soan Hartman út St.-Anne yn Bitgummole, se wenje dan yn letter Van Aismawei 73; dr fan Remmo Busscher, dokter te Bitgummole (letter Van Aismawei 69/71), en fan Klazina Johanna Braak;
Sjoch: Erfgoed Fundaasje –Genealogy Busscher –
Hartman van Aisma is fâd oer syn omkesizzers Ouwe (* St.-Anne 7-3-1848) en Trijntje Jarigs Koning (* St.-Anne 29-4-1849), bern fan Antje Klazes Wassenaar († St.-Anne 4-2-1852) en Jarig Ouwes Koning († St.-Anne 24-4-1854), boeren te St.-Anne; Ouwe en Tryntsje binne yn Hartman syn húshâlding te St.-Jabik en St.-Anne opnommen
x 2 Tytsjerksteradiel 9-3-1865, 33 en 31 jier,
3 Antje Douwes van der Meer * Wyns 11-1-1834 † St.-Anne 5-12-1866, 32 jier, [] Bitgum rige 13 grêf 7; by trouwen sûnder berop te Aldtsjerk
Sjoch: Genealogy Van Aisma VI.1
4 Johannes Everts van Aisma * Dyksterhuzen op Nieuw Groot Aisma (B154), hûsnr 87/100 1804 † dêr 24-12-1852, hûs nr B87, 48 jier, [] Bitgum rige 13, grêf 5; by trouwen sûnder berop te Bitgum; boer op Groot Aisma (yn 1850 160 pûnsmiet, dizze pleats stie doe fan ’e Bitgumer pleatsen it heechst oanslein wat lân oangiet); (administrearend) tsjerkfâd te Bitgum, gemeenteriedslid fan 1851 oant syn ferstjerren;
x Menameradiel 9-7-1828, 23 en 18 jier,
5 Ytje Hartmans Hartmans * De Nije Hocht ûnder Nes (B49 yn 2020 Maatskip R. de Graaf, Wierumerwei 3), West Dongeradiel, 9-12-1809 † Dyksterhuzen op Groot Aisma 10-8-1857, 47 jier, [] Bitgum r. 13 gr. 5; by trouwen sûnder berop te Nes; boerinne op Groot Aisma op Dyksterhuzen
Sjoch: Genealogy Van Aisma V.1
6 Douwe Klazes van der Meer * Wyns 17-4-1811 † Gytsjerk 20-9-1887; NH; yn 1834, ’42 boer te Wyns, yn 1865, ’70, ’74 idem te Aldtsjerk (89 BK), wennet dêr letter mei Hinke yn by syn soan Klaas (hûsnr 92); Douwe is taksateur fan ûnreplik guod; sûnt 1876 rinteniert er mei syn twadde frou te Gytsjerk (hûsnr 11);
x 2 Tytsjerksteradiel 27-8-1870, op houlikse betingsten, 59 en 24 jier, Hinke Jans Veenstra * Ryptsjerk 9-3-1846; by trouwen sûnder berop te Aldtsjerk; dr fan Jan Pybes Veenstra en Atje Klazes Hoekstra, greidboeren, yn 1846 te Ryptsjerk, yn 1870 idem te Aldtsjerk
Douwe keapet op 19-11-1868 fan Grietje Ydes Hamstra, widdo fan Sytse Klazes Miedema, in hûs en grûn te Aldtsjerk; kepsom: f 1.010,00;
idem op 19-2-1876 fan Klaas Foppes Liezenga, in hûs en lân te Gytsjerk; keapsom: f 3.000,00
idem op 25-7-1883 fan syn skoanheit Jan Pybes Veenstra lân te Ryptsjerk; keapsom: f 2.000,00;
x 1
7 Trijntje Klazes Miedema * Aldtsjerk 21-12-1797 ~ dêr 28-1-1798 † Aldtsjerk 30-6-1868, 70 jier;
x 1 Tytsjerksteradiel 10-5-1821, 24 en 34 jier, AElse Symens Sinnema * Wyns; by trouwen húsman te Wyns; sn fan Symen AElzes Sinnema en Maaike Ietses (ek: Jetzes, Jitzes; tekenet yn 1821sels Ietses; yn har stjerakte yn 1846 mei achternamme De Jong)
Bern, út it earste boask:
1 Antje Douwes van der Meer, nûmer 2 yn dizze kertiersteat
2 Klaas Douwes van der Meer * Wyns 1837 † dêr 11-7-1837
3 Klaas Douwes van der Meer * Wyns 5-1-1842 † Aldtsjerk 24-9-1908, 66 jier; greidboer te Aldtsjerk (92)
x 1 Tytsjerksteradiel 29-5-1869, 27 en 23 jier, Jeltje Kornelis Hellinga * Aldtsjerk; by trouwen sûnder berop te Aldtsjerk; dr fan Kornelis Pieters Hellinga en Klaaske Sytses Reitsma, greidboeren te Aldtsjerk;
út it twadde houlik:
4 Antje Douwes van der Meer * Aldtsjerk 18-4-1871 † Wyns 25-3-1894, 22 jier; by trouwen sûnder berop te Gytsjerk; greidboerinne te Wyns;
x Tytsjerksteradiel 11-5-1893, 22 en 23 jier, Gerben Bonnes Veninga * Gytsjerk † Wyns 11-4-19150, 77 jier; by trouwen boer te Gytsjerk, dêrnei te Wyns; sn fan Bonne Tjeerds Veninga en Janke Gerbens de Vries, yn 1893 kastleins te Gytsjerk;
5 Jan Douwes van der Meer * Wyns 9-2-1873; by trouwen griedboer te Aldtsjerk;
x Tytsjerksteradiel 11-5-1899, 26 en 20 jier, Jitske Willems Oostenbrug * Readtsjerk; by trouwen sûnder berop te Tytsjerk; dr fan Willem Sytses Oostenbrug en Gjaltje Lammerts van der Weide, greidboeren, yn 1879 te Readtsjerk, yn 1899 idem te Tytsjerk
8 Evert Klazes van Aisma * Menaam 10-4-1767 ~ dêr 26-4-1767 † Bitgummole 4-5-1851, hûsnr B116, 84 jier, [] Bitgum rigel 13, grêf 8; âlderling, tsjerk- en earmfâd te Bitgum, gemeentlik kommittearde earmesoarch, gemeenteriedslid en assessor (=wethâlder) fan Menameradiel 1798-1848, lid ‘Zetterscollege’ oangeande direkte belestingoanslaggen; kommittearde finansjele kommisjes (sjoch hjirûnder); eigner en brûker fan Nij Grut Aisma (hûs nr B10); wennet as rintenier yn 1810 yn ’e ‘Molenbuurt’, dat is Bitgummole, yn 1820 op nr 60 (sûnt 1963 Ingelumerdyk 8, sûnt 1982 is nr 8 gearfoege mei nr 6 en sûnt nr 6);
x 1 Bitgum 20-11-1795
9 Gertje Johannes (Wijngaarden) * op Groot Aisma 21-6-1771 ~ Bitgum 7-7-1771 † Bitgummole 12-4-1825 [] Bitgum yn it koar fan ’e tsjerke
Sjoch: Genealogy Van Aisma IV.1
10 Hartman Dirks Hartmans, boer op Ytsma en op De Hocht ûnder Nes, frederjochter, dykgraaf
x
11 Maaike Melis Wynia
12 Klaas Douwes van der Meer; greidboer te Aldtsjerk; yn 1862, ’64 dêr rintenier
13 Antje Tjeerds Straatsma * Aldtsjerk† dêr 20-10-1863, 80 jier
14 Klaas Symens Miedema; yn 1832 boer te Aldtsjerk
x
15 Hiltje Fokkes Fokkema * Aldtsjerk 28-9-1799 ~ dêr op belidenis 6-5-1812
16 Klaas Everts † Menaam 1780; wierskynlik gernier te Menaam;
x Menaam 19-10-1764, beide fan Menaam, 31 en 22 jier,
17 Minke Johannes * 1742 ~ Menaam 2-2-1754 † Berltsum 8-3-1813, hûsnr 74, 70 jier; yn akte fan ferstjerren rintenierske neamd;
neffens houliksbylagen fan E.K. van Aisma (IV.1) en H.P. Siderius yn 1830 is Minke ferstoarn yn 1805, mar dat sil in fersin wêze; neffens deselde houkliksbylagen is Minke in dochter fan Johannes Heeres en Aafke Johannes.
Sjoch: Genealogy Van Aisma III.1
18 Johannes Gerkes
x
19 Metje Clases Osinga
20 Dirk Hartmans
21
22 Melis Wynia
x
23
26 Tjeerd Alberts
x
27 Trijntje Thomas
30 Fokke Reynders * Aldtsjerk 27-3-1739 ~ dêr op belidenis 7-5-1777 † dêr 1794
x Aldtsjerk 19-5-1765
31 Trijntje Sytses
32 Evert Klazes ~ Menaam 15-3-1705; mooglik arbeider of middenstanner te Menaam;
x Menaam 18-5-1732, beide fan Menaam,
33 Trijntje Harings † Menaam -12-1772;
Tryntsje x 1 Menaam 6-7-1721, dan beide fan Achlum, Hessel Theunis * Easterlittens 2-12-1689 ~ dêr 15-6-1690 † Menaam 20-7-1731, 41 jier; yn 1728 boer op stimnr 63 te Menaam; sn fan Theunis Annes en Sytske Hessels
Sjoch: Genealogy Van Aisma II.1
34 Johannes Heeres; skipper te Menaam; Jehannes en Afke wenje te Ingelum ûnder Menaam (neffens stjerakte fan dochter Minke);
x
35 Aafke Philippus (of Johannes?)
60 Reyner Fokkes
x Oentsjerk 18-5-1738
61 Romkje Andries † 1786, 80 jier
64 Claas Everts, wennet yn 1701 te Menaam; yn 1708 kastlein op Hobbemabuorren te Dronryp; Klaas en Pytsje binne yn 1708 lidmaten te Dronryp; x Menaam 20-2-1701, beide fan Menaam,
65 Pytie Jochums ~ Dronryp 21-10-1674
Sjoch: Genealogy Van Aisma .1
66 Haring Jelles; yn 1665 te Achlum, yn 1688 timmerman te Bitgum
x
67 Brecht Hessels
120 Fokke Reyners * Oentsjerk 1664 † dêr 1722; boer te Oentsjerk
x
121 Trijntje Martens † 1733, 58 jier
122 Andries Meints * Eastrum 1682 † foar 1726
x
123 Minke Sapes
130 Jochum Meinderts; by trouwen op 16-10-1673 te Penjum, nei houlik húsman yn ’e Puollen ûnder Dronryp
x
131 Jantie Jans; by trouwen te Menaam en yn 1698 as widdo boerinne op stim 51 te Dronryp
240 Reyner Sjoerds * Gytsjerk 1639 † dêr 1700
x Oentsjerk 10-1-1664
241 Dieucke Pytters * Gytsjerk 1643
242 Marten Johannes
x Burgum omstrings 1660
243 Saeck Tjeerds
244 Meynt Gercks * Eastrum omstrings 1644 † 1695, 51 jier
x
245 Antie Tjallings * Eastrum omstrings 1650
480 Sjoerd Jurjens; fan St.-Anne
x Oentsjerk 1639
481 Syke Pytters * Oentsjerk 1610
482 Pytter Willems † 1683
x
483 Pytrick Fockes
488 Gerck Meynts * omstrings 1615 † Eastrum 1652, 37 jier
x Eastrum omstrings 1632
489 Saack Sybrens Stapert * omstrings 1620 † Eastrum 1647, 237 jier
Sjoch: J. Visser – Familia Stapertica Perantiqua – Genealogie Stapert in verleden en heden, Genealogysk Jierboekje 1955, Genealogysk Wurkferbân, Fryske Akademy, Ljouwert, 1955.
Jierboekje Fan It Genealogysk Wurkforbân 1955 – DocsLib
490 Tjalling Lieppes
x Droegehm 1650
491 Tyets Sjoerds † Eastermar 10-6-1674, 54 jier
960 Jurjens Arjens * St.-Anne 1585 † foar 23-6-1631
x
961 Frouck Douwes * omstrings 1585
962 Willem Theunis * omstrings 1590 † 1616
x
963 Trijn Pytters
966 Focke Gerryts * omstrings 1590 † 1619, 29 jier
x
967 Hæbeltje Auckes † foar 1615
976 Meynt Gercks * omstrings 1590 † foar 1632; Surhústerfean?
x
977 Antie Jans
978 Sybren Jans Stapert * omstrings 1600 † Eastrum 1647, 47 jier
x
979 Yets Foockes
1922 Douwe Hayes * omstrings 1560 † nei 1623
1956 Sybren Hanses Stapert/Sybren Douwes
x
1957 Tjets Johannes Rheen * Tsjom 1554 † Wommels nei 1619
3912 Johannes Hessels Rheen * Rien 1519 † Warkum 1593
x
3913 Tjets Hanses Stapert (ek:Taets)
Sjoch: Kertiersteat Klaas Ennes Bruinsma – Erfgoed Fundaasje 9200, 18.400






