Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius
Wat is in kertiersteat?
~ = doopt/baptIsed
x = troud/merried
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/burried
DG = Doopsgesind
G = Grifformeard
KG = Kristlik Grifformeard
KO = Kristlik Ofskieden
NH = Nederlâns Herfoarmd
RK=Rooms Katolyk
Undersyk: Erfgoed Fundaasje – dit is wurk yn útfiering; graach oanfullingen, ferbetteringen en oare oankomsten.
Foar ferneaming Miente/Mient sjoch de nûmers 2/3.3, 4, 34, 292, 1170.
1 Dieuwke Durks Althuisius * De Jouwer 12-8-1855 † Bûtenpost, Jeltingahûs, 6-11-1935, 80 jier, [] Bûtenpost; KG/KO, letter G.; ferhuzet as wees fan tolve jier op 10-2-1868 fan ’e Jouwer nei har âld Afke Mients Althuisius en Tjitte Haitzes Tiersma, boeren te Boarnsweach; komt mei fjirtjin jier yn te wenjen by har muoike en omke Neeltje Mientes Althuisius en Johannes Cornelis Grondsma, boeren te Twellegea, letter te Offenwier; by trouwen dêr sûnder berop, neffens de wet te Langwar; winkelfrou te Bûtenpost en Kollum yn ’e saken P.S. Bakker;
x Doanjewerstal 23-7-1875, op ’e selde dei as har suster Afke en syn broer Lammert, 22 en 19 jier, Popke Sjoerds Bakker * Langwar 5-7-1853 † Bûtenpost, Jeltingahûs, 25-11-1918, 65 jier, [] Bûtenpost; NH, mei syn trouwen G; komelker, greidboer, fuorman en keapman te Langwar; sûnt 30-11-1888 fearskipper, keapman, winkelman en manufakturier yn Het Oude Kantoor te Bûtenpost (hûsnrs Buorren 93, 128, 137, 48) en te Kollum, Stiensgea (Augustinusgea) en sûnt 1910 te Ljouwert; grûnlizzer N.V. Handelsvereniging P.S. Bakker te Bûtenpost en Ljouwert, Nijstêd 70; hat in feartsjinst op Ljouwert en Grins;
1901-1903 gemeenteriedslid foar de A.R.P. , 1903-1907 wethâlder fan Achtkarspelen; bestjoerder tsjerke, skoalle (û.o. foarsitter Kristlike skoalle Bûtenpost, bestjoerslid Willem Lodewijk Gymnasium te Grins), begraffenisferiening; adviseur wetterskippen; mei-oprjochter Stichting Woningbouw Achtkarspelen.
Sjoch: Bakker (Bûtenpost) VII
2 Durk Mientes Alhuisius * De Gaastmar 5-5-1821 † Wâldsein 1-12-1864; KO; by earste boask skipper te Toppenhuzen, by twadde houlik skipper te Twellegea; sûnt Alde Maaie 1854 skipper te Toppenhuzen; yn 1855, ’58 skipper op ’e Jouwer; greidboer yn ’e Gaastmar (hûsnr GK311); letter idem op ’e Jouwer; sûnt Alde Maaie 1863 te Wâldsein;
x 1 Wymbritseradiel 22-5-1847, 26 en 27 jier, Trijntje Atzes Osenga * Twellegea 11-3-1820 † dêr 16-1-1850; by trouwen naaister te Twellegea, dr fan Atze Wybes Osenga, skipper te Twellegea (ferkeapet op 19-8-1812 foar f 2.730,00 in skip oan Linze Jans Drost, skipper op ’e Lemmer; keapet op 23-1-1813 it skip De Goede Verwachting fan Hette Symens Geerts op ’e Jouwer foar f 2.520,00), yn 1835 dêr skippersfeint, yn 1841, ’47 dêr sûnder berop, yn 1847 dêr ek winkelman, by syn ferstjerren yn 1847 mei 77 jier dêr rintenier, en Hinke Annes van der Ley
x 2 Haskerlân 12-3-1854, 32 en 26 jier,
3 Idske Johannes Veldman * De Jouwer 28-7-1827 † dêr 16-6-1870, hûsnr 438, 42 jier; KO; by trouwen sûnder berop op ’e Jouwer, wennet dêr as widdo wer.
Bern:
I Dieuwke Durks Althuisius, sjoch 1
II Maike Durks Althuisius (Maaike) * De Jouwer 6-7-1857 † Inkhuzen 6-2-1893, 35 jier; KO; ferfart op 20-10-1870 fan ’e Jouwer nei Toppenhuzen; by trouwen naaister te Twellegea, wenjend te Offenwier;
x Wymbritseradiel 20-5-1876, 18 en 27 jier, Klaas Gooitzens Bijl * Toppenhuzen 13-5-1849 † Inkhuzen 23-10-1914, 65 jier; by boaskjen skipstimmerman te Toppenhuzen, nei syn trouwen skipstimmerman te Broek by de Jouwer; sûnt 17-9-1890 skipstimmerman te Inkhuzen; sn fan Gooitzen Hanses Bijl, skipstimmerman te Toppenhuzen, en Afke Klazes Brinksma
Klaas x 2 Alida van Waart * Inkhuzen 5-6-1862 † Grins 31-8-1933, 71 jier
III Miente Durks Althuisius * De Jouwer 7-12-1858 † Langwar 6-5-1877, 18 jier; Lammert is syklik, hy ferhuzet op 9-9-1869 fan ’e Jouwer nei famylje te Westernijtsjerk; by trouwen fan syn suster Dieuwke komt er dêr yn ’e hûs.
IV Aafke Durks Althuisius * De Gaastmar 9-6-1861 † dêr 15-7-1861, 1 moanne
V Aafke Durks Althuisius (Afke) * Wâldsein 12-9-1863 † Lytsewâld (Augsbuert) 5-4-1950, 86 jier, [] Lytsewâld; ferhuzet fan ’e Jouwer op 20-10-1870 nei Goaiïngea, groeit as 6-jierrige wees op by har neef Cornelis Johannes Grondsma (oant syn ferstjerren yn 1881 mei 42 jier, fâd oer Afke, yn syn plak wurdt beneamd har sweager Klaas Bijl) en Tjitske Siemens de Haas, boeren te Offenwier; foar har trouwen faam by har muoike Neeltje Mientes Althuisius en omke T.A. van der Leij te Langwar wenjend neist De Drie Zwaantjes; by har trouwen sûnder berop te Broek; 1886-1891 kastleinske yn De Drie Zwaantjes - Afke kin mar min oer it kastleinsbestean, se rededield dêroer mei suster Dieuwke; se kinne komelker wurde, yn in boargerhûs mei bûthús en heaberch en sawat 20 ha. lân; sûnt 6-5-1895 binne de greidboer en bûtermakker te Lytsewâld op in hierpleats fan Maurits baron van Harinxma thoe Slooten; Afke en Lammert begjinne dêr mei in sintrifugale bûtermakkerij mei in sintrifúzjekapasiteit fan 450 liter yn ’e oere.
Yn 1902 wurdt de molke fan 100 pûnsmiet bykocht (sawat 100 kij); sûnt 1906 hawwe se dat famyljebedriuw yn har nij-boude pleats; Afke en de bern - se ha noait frij, soan Sjoerd kin net nei de Suvelskoalle te Bolswert want hy kin net mist wurde - soargje foar Earste Keur; Afke plichtet mei in spjeld sekuer yn ’e bûter te stekken om dy goed te keuren.
Statutêr is útmakke dat op snein gjin molke ferarbeide wurde sil, dat de molkbussen stean twa heech opsteapele en de molkriders komme mei hynder en wein betiden nachts om ien oere.
As yn 1908 it Suvelfabryk te Gerkeskleaster oprjochte wurdt, is ’t gebeurd mei ’t Fabrykje fan Bakker’.
Afke en Lammerts lizze ha dan mear ta op ’e feefokkerij. Om 1906 hinne keapje se de fokbolle Gerard 68-8 fan Jan Nannes Wassenaar en Rigtje Johannes Boelstra, feefokkers op Vijverzathe ûnder Jelsum, foar f 4.000,00; fierstefolle neffens de measte fokkers, mar Lammert en Afke behelje dêr hege prizen mei en ferhannelje tenei earste-klas fokbollen nei ’t bûtenlân;
x Doanjewerstal 29-5-1886, op ’e selde dei as har suster Dieuwke en syn broer Popke, beide 22 jier, Lammert Sjoerds Bakker * Langwar 8-12-1863 † Lytsewâld 23-1-1939, 75 jier, [] Lytsewâld; by trouwen kastlein te Langwar; greidboer en bûtermakker te Lytsewâld; feefokker; sûnt 1908 bestjoerslid fan it Suvelfabryk te Gerkeskleaster, letter foarsitter; bestjoerslid tsjerke en skoalle.
4 Miente Durks Althuisius (tekenet sels: Althuizes) * Ljouwert 11-10-1786 ~ dêr 3-11-1786 † De Gaastmar 20-10-1825, 38 jier; boer yn ’e Gaastmar;
x De Gaastmar 28-5-1809, hy fan De Gaastmar, sy fan Gau, 5 Dieuwke Klazes Boersma * Toppenhuzen 1-11-1786 † Twellegea 14-6-1839, hûsnr 18, 52 jier; by twadde boask sûnder berop te Toppenhuzen;
Dieuwke x 2 Wymbritseradiel 4-6-1831, 44 en 49 jier, Klaas Hotzes de Vries * Terherne 1783 † Twellegea 17-6-1847, 64 jier; yn 1831 arbeider te Goaiïngea, boer te Twellegea, by ferstjerren dêr rintenier; sn fan Hotze Hobbes † Terherne 1791, en Akke Jelles † Langwar 1824
Bern út it earste boask: I Neeltje Mientes Althuisius * De Gaastmar 28-5-1810 † Twellegea 13-1-1890, 79 jier; by earste boask sûnder berop te Offenwier; yn 1847 komelkerske te Twellegea; by ferstjerren dêr sûnder berop; x 1 Wymbritseradiel 21-5-1836, 25 en 30 jier, Johannes Kornelis Grondsma * Loaiïngea 1806 † Offenwier 1-2-1847, 41 jier; by trouwen sûnder berop te Offenwier; yn 1837 dêr arbeider (by syn heit-en-dy tink); yn 1839 dêr fan boerebedriuw; by ferstjerren dêr komelker; sn fan Kornelis Johannes Grondsma en Jiskjen Johannes Bootsma, boeren te Loaiïngea en Offenwier x 2 Wymbritseradiel 18-6-1851, 41 en 49 jier, Tjerk Atzes van der Leij * Twellegea 18-3-1802 ~ dêr 4-4-1802 † dêr 16-2-1869, 66 jier; by earste boask skippersfeint te Twellegea, by twadde dêr skipper, yn 1851 idem te Langwar?, by ferstjerren sûnder berop te Twellegea; sn fan Atze Annes van der Leij en Akke Tjerks van Winden, boeren te Twellegea; Tsjerk x 1 Wymbritseradiel 16-2-1828, 25 en 22 jier, Froukje Atzes Osenga * Twellegea 26-4-1805 ~ dêr 9-6-1805 † dêr 8-3-1849, 43 jier; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Twellegea; suster fan Tryntsje x Durk Mientes Althuisius, sjoch: 2 Bern, ûnder oaren: Kornelis Johannes Grondsma * Toppenhuzen 6-6-1839 † Offenwier 1-10-1881; by trouwen arbeider te Offenwier (by syn heit-en-dy tink); yn 1864, ’72, ’78, ’80 boer te Offenwier; yn 1867, ’70, ’71, ’72 boer te Goaiïngea; fâd oer de bern fan Durk Mientes Althuisius en Idske Johannes Veldman; x Wymbritseardiel 11-5-1867, 27 en 29 jier, Tjitske Symens de Haas * Goaiïngea 4-1-1838 † dêr 8-11-1905, 67 jier; by earste boask naaister te Offenwier; by twadde houlik sûnder berop te Toppenhuzen; dr fan Symen Thysses de Haas, arbeider te Goaiïngea en Offenwier, en Antje Sybrens Spiering (Antsje kin net skriuwe) Tjitske x 2 Wymbritseardiel 19-5-1883, 45 en 41 jier, Obbe Rienks Piersma * Broek 20-12-1841 † Snits 14-12-1927, 85 jier; yn 1875 greidboer te Broek, yn 1867 idem te Twellegea, yn 1887 te Toppenhuzen, yn 1888, 1906, 1913 te Offenwier, wennet yn 1918 te Snits; sn fan Rienk Pieters Piersma, boer te Broek, en Trijntje Obbes Toutenburg, yn 1875 greidboerinne te Broek, yn 1867 idem te Boarnsweach; Obbe x 1 Doanjewerstal 28-5-1875 Hinke Jans Hooisma, greidboerinne te Broek II Aafke Mientes Althuisius * De Gaastmar 11-12-1812 † Langwar 24-9-1892, 79 jier; by earste boask faam te Toppenhuzen; by twadde houlik sûnder berop op ’e Jouwer, earder te Toppenhuzen; x 1 Wymbritseradiel 8-6-1833, 20 en 25 jier, Eize Pieters Eizinga (yn Boargelike Stân ek: Eisinga; skriuwt sels: Eizinga) * Snits omstrings 1810 † Toppenhuzen13-6-1844, 34 jier; by trouwen sûnder berop te Toppenhuzen; dêr letter arbeider; sn fan Pieter Gerrits en Uilkje Eises, boeren te Toppenhuzen; x 2 Doanjewerstal 20-8-1846, 33 en 37 jier; Tjitte Haitzes Tiersma (ek: Tjette) * Langwar 20-8-1808 ~ dêr 9-10-1808 † dêr 6-7-1873, hûsnr 47, 64 jier; boer te Boarnsweach, by ferstjerren sûnder berop te Langwar; Haitze Walings Tiersma en Antje Tjettes van der Ende (ek: Van der End, Van der Meer), boeren te Langwar III Durk Mientes Althuisius, sjoch 2 IV Anna Mientes Althuisius * De Gaastmar 27-8-1816 † De Jouwer15-2-1846, hûsnr 300, 28 jier; wennet yn 1839 te Twellegea; by trouwen faam te Diken; by ferstjerren sûnder berop op ’e Jouwer; x Doanjewerstal 16-5-1845, 28 en 35 jier, Wieger Joukes Wielinga * Boarnsweach 1809 † De Jouwer 15-10-1863, 54 jier; by earste boask boer te Boarnsweach; yn 1846 komelker op ’e Jouwer; by twadde houlik dêr greidboer, oant syn ferstjerren; sn fan Jouke Sjoerds Wielinga en Trijntje Wiegers Wielinga, boeren te Boarnsweach; Wiger x 2 Haskerlân 29-6-1851, 41 en 30 jier, Jantjen Jans van den Berg * Aldlemmer 10-10-1820 † De Jouwer 7-8-1900, 79 jier; by trouwen wenjend op ’e Jouwer; dr fan Jan Wyben van den Berg, arbeider, yn 1820 te Aldlemmer, yn 1851 te Sint Jansgea, en Margjen Pieters de Roos V Klaas Mientes Althuisius * De Gaastmar 21-8-1823 † Assen?; by earste boask kantoarfeint te Heech; dêr notarisklerk en saakwaarnimmer; yn 1857, ’59, by twadde houlik en yn 1861 sekretaris en ûntfanger fan Starum; yn 1862 dêr sûnder berop; letter notaris, wennet te Starum, Makkingea, Vries en Assen; tsjerkfâd te Starum; x 1 Frjentsjer 11-8-1856, 32 en 20 jier, Trijntje Kuypers * Frjentsjer 18-3-1836 † Starum 7-12-1859, 23 jier; dr fan Ane Buwalda Kuypers, yn 1836, ’69, ’73 apoteker te Frjentsjer, yn 1856, ’65 dêr stedsboumaster, en Jetske Pieters van der Wal x 2 Starum 17-6-1860, 26 en 25 jier, Femmigje Jacobs Fortuin * Starum 7-6-1835 † Assen 9-10-1925, 90 jier; by trouwen faam te Starum; dr fan Jacob Hieltjes Fortuin, ûnderwizer te Starum, en Antje Bouwes de Boer
6 Johannes Baukes Veltman (tekenet by de berte fan Idskjen sels: Veltman) * Haskerdiken 7-2-1800 † De Jouwer 3-6-1896; timmerman-oannimmer op ’e Jouwer;
x 2 10-11-1864 Trijntje Arjens Faber * 9-3-1820 † De Jouwer 9-5-1889
x 1 14-5-1826
7 Maike Hylkes Plantinga * De Jouwer 1806 † dêr 29-12-1855; KO
8 Gerardus Dirks Althuisius * Ljouwert 12-3-1785 † Gau 7-1-1839, 53 jier; boer te Gau
x 2 Jantje Bartels Hoekstra * Raard, Raarderhim, 9-8-1793 † Gau 15-5-1863
x 1
9 Lijsbeth Wijbes Tjemmes * Heech 29-4-1791 † Warkum 15-5-1827, 36 jier
10 Klaas Aukes Boersma * Tersoal omstrings 1749 † Toppenhuzen 9-8-1827, 78 jier; boer te Toppenhuzen; dêr tsjerkfâd;
x Toppenhuzen 8-10-1775, dan beide fan Toppenhuzen,
11 Afke Aants Huisman * Toppenhuzen † dêr 9-11-1833, oant har ferstjerren mei 77 jier boerinne te Toppenhuzen; 27-11-1812 as lidmaten oannommen yn ’e Gaastmar
32 Gerardus Althuisius (ek: Gerhardus) * De Gaastmar 9-10-1721 † dêr 27-8-1791, 69 jier; 1749 boer yn ’e Gaastmar, yn 1752, ’70 idem te Heech, letter mooglik wer yn ’e Gaastmar;
x Raard, Raarderhim, 11-8-1748
33 Neeltje Teekes * Jirnsum 1724 † De Gaastmar 10-9-1803
34 Miente Backerus ~ Gerkeskleaster 5-9-1714 † Ljouwert -5-1774 [] Ljouwert, Jakobiner tsjerkhôf, 20-5-1774, yn begraafregister neamd: Meente
x
35 Geertje Alefs
64 Johannes Althuisius * Dearsum 27-6-1680 ~ dêr 4-7-1680 † De Gaastmar 9-8-1739, 59 jier; studint teology wierskynlik te Leiden; sûnt 1709 NH dûmeny yn ’e Gaastmar;
broer: Gerardus x Jancke Petrus Antonides
x
65 Berber Hendriks † De Gaastmar 1731
72 Freerk Goverts (ek: Frederik) * omstrings 1675 † foar 1-8-1729; DG; wennet yn 1701 te Warkum, yn 1708 te Grins oan it Winschoterdiep; yn 1710 mûnder te Burum oan ’e Herestraat fan in standertmole, dy’t er yn 1710 mei syn frou ‘fugityf’ ferlit; komt op 10-2-1715 mei attestaasje út Sluis, Siuwsk-Flaanderen, yn Gerkeskleaster, hy hat yn Seelân mooglik as militêr tsjinst dien;
x 1 omstrings 1701 Rienkje Sieks; wierskynlik RK;
x 2 omstrings 1707 Sara Lenouts
x 3 Gerkeskleaster 2-12-1708
73 Antie Gabes ~ Gerkeskleaster 14-5-1704 † dêr 11-5-1730; G; lidmaat te Gerkeskleaster 1-8-1729
128 Johannes Althuisius * Ljouwert 1644/1645 † 1708, 64 jier; yn 1662 ynskreaun as studint te Frjentsjer, studearret earst filosofy, letter teology; 8-10-1674 kandidaat te Dearsum-Poppenwier; 3-4-1675 lid fan ’e Klassis; NH dûmeny te Dearsum;
x Ljouwert 29-6-1698
129 Voske Jans
146 Gabe Mients * wierskynlik Surhústerfean nei 1622 † idem foar 1696; DG;
x 1 omstrings 1650 N.N.
x 3 omstrings 1670 Lysbet N.N. † 25-2-1682, neffens lidmateregister N.H. Altsjerk-Readtsjerk
x 2 Bûtenpost 14-2-1664, hy fan Surhústerfean, sy fan Bûtenpost
147 Aettie Romckedr (Broersma?) (ek: Aeltie) * Bûtenpost omstrings 1643
256 Geert Jansz Althuis * Ravensburg 1620 † 1666, 46 jier; by trouwen soldaat ûnder kolonel-luitenant Homme van Hettinga; keapman te Ljouwert; op 12-4-1652 ynskreaun as boarger fan Ljouwert;
x Ljouwert (ûndertrou? 15-9-1639), 24-8-1639
257 Wendel Gijsberts * omstrings 1620 † 1685
292 Mient Egberts * wierskynlik Surhústerfean nei 1585 † idem foar 1653; DG
293 Aaltje Gabes
584 Egbert Egberts † Surhústerfean 23-10-1606; DG;
x wierskynlik Surhústerfean omstrings 1585
585 Willemcke Mientsdr * Surhústerfean omstrings 1565 † wierskynlik Surhústerfean 1612; DG;
Willemke x 2 Gerjocht Achtkarspelen 23-10-1606 Oedts Eertsz * omstrings 1575 † dêr 8-9-1612, 47 jier; DG
1170 Mient; DG; wennet omstrings 1565 te Surhústerfean;
x
1171 Lysbeth?