Home » Famyljes » Andringa » Andringa Genealogy

Genealogy Andringa fan Koehoal,
de Westhoek en Dyksterhuzen

De buorskip Koehoal, achter yn ’e midden de Stjelp fan ’e Andringa’s

Yn dizze diel-genealogy binne stagen Andringa opnommen tahâldend te Koehoal, yn ’e Westhoek fan St.-Jabik en op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole. Dêroan foarôf giet in koarte stamrige. Dit is allegearre noch wurk yn útfiering.
Yn in koarte kronyk hat Jan Tjeerds Andringa (nr VIII.4 yn dizze stambeam) begjin jierren fyftich in famyljeskiednis beskreaun omfiemjend de generaasjes V-IX yn dit laach; de persoanen dy’t dêryn foarkomme, hawwe yn dizze stambeam har plak yn famyljesibskip. Syn sibbe Siebe Harmens Andringa
(VIII.1.2) hat dy kronyk oerskreaun en dy is pleatst ûnder Andringa kronyk.
Dizze genealogy is allyksa oanlein mei it each op ynvintarisaasje fan de famylje-argiven.  

Gâns ynformaasje is te finen yn: Andringa, Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden – diel 3. By de oanbelangjende persoanen hjirûnder wurdt nei de side yn dat boek ferwiisd, lykas: Geert Tjeerds Andringa, dy’t him sûnt 1774 al Andringa neamt: A342.
De foto’s komme út it Argyf Andringa, dat berêst by Tsjikke Andringa te Feanwâlden, en de Kolleksje Brouwer 1.

* = berne/geboren/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.=wennet mei/weunt met/living together
sk=skieden/skaiden/divorced
† = ferstoarn/fersturven/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien/weergeven in groen
G=Grifformeard
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Fierder ûndersyk: Erfgoed Fundaasje. Mei tank oan Tsjikke Andringa, skriuwer fan ’e Andringastichting, foar korreksjes en oanfullingen.
At de persoanen yn ’t Bildt toehouwe, is de omskriving in ’t Bildts.
Sjoch:
Andringa Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden-1-3, ûnder redaksje fan Herman Andringa, Tsjikke Andringa, Ype Brouwers, Piter Andringa; Andringa Stichting, 2016, ISBN 978 90 803 389-0-6, NUR 680 – Mei skriftlike ferklearring fan it Deistich Bestjoer fan ’e Andringa Stichting is op 1 april 2022 oan Stichting Erfgoed Fundaasje-Stichting Frysk en Frij tastimming ferliend foar it oernimmen fan gegevens út dizze útjeften oangeande staach YB (Andringa – It Bilt), mei boarnefermelding.
-Sybe Geerts Andringa – Fan Barradiels ferline, de hjerringfiskerij, libjen en wurkjen oan ’e seedyk; Aldheidkundige Feriening Barradiel, 1991
-Sybe Geerts Andringa – Koehoal en de Andringa’s, krapoan hûndert jier buorkjen, 1994
-A. Brouwer-de Beer – De Stjelp op Koehoal, Zeijl en Kuipers, Dokkum, 1976
Oud Tzummarum en OmstrekenBuurtschap Koehool

YNHÂLD

Dizze ynhâld is diskriminearend op persoanen en gesinnen sûnder manlike neiteam.
Stamrige
IV Tjeerd Gerbens Andringa en Akke Geerts Epkema
§ Sûnt 1774 Andringa
V Geert Tjeerds Andringa en Trijntje Harmens Kampsma
VI Harmen Geerts Andringa en Sijke Sybes Westra
§ Net yn tsjinst
§ Foarjiersfisker
VII.1 Geert Harmens Andringa en Pietje Sippes Harkema
VII.2 Sybe Harmens Andringa en Jantje Menzes van Marssum
§ De Stjelp op Koehoal
VII.3 Tjeerd Harmens Andringa en Grietje Jans Postma
VIII.1 Harmen Sybes Andringa en Bregtje Reimers Brouwer
§ Harmen Sybes Andringa stichtet per brief
§ Lyts Aysma, de pleats op Dyksterhuzen
§ Siebe Harmens Andringa, ús aller Omke Siebe
VIII.2 Geert Sijbes Andringa en Lybrig Klaas Everts Bergstra
VIII.3 Harmen Tjeerds Andringa en Grietje Pieters Nauta
VIII.4 Jan Tjeerds Andringa en Sijtsche Jans Offinga
§ De Westhoek
VIII.5 Klaas Tjeerds Andringa en Tjitske Pieters Peterson
IX.1 Trijntje Harmens Andringa en Christaan Spoelstra
IX.2 Sybe Geerts Andringa en Grietje Werkstra
IX.3 Klaas Evert Andringa en Pieternelle Snijder
IX.4 Tjeerd Jans Andringa en Sjoerdtje Struiksma
X.1 Geert Andringa en Pietertje Beuckens
X.2 Klaas Evert Andringa en Ytsje Gerbrandy
X.3 Tjitske Andringa
§ Grytsje Andringa-Werkstra – In boek oer mem
X.4 Piter Andringa en Yvonne Caroline de Booij
X.5 Jan Tjeerds Andringa en Rinske Elsinga
X.6 Jacob Augustinus Andringa en Catherine Margaret Redmond

STAMRIGE

I
Oepcke Tjeerds
† Snits 28-9-1705; mooglik boer te Seisbierrum; docht dêr belidenis 4-2-1681; yn 1698 húsman op stim 4 te Peins (Snitser weeshúspleats);
x Seisbierrum 2-1-1681 Bentie Jans ~ Seisbierrum 4-4-1647 † Peins 18-9-1700; docht belidenis te Seisbierrum op 28-7-1672; dr fan Jan Claesses en Anle Jeltes
A321

Seisbierrum yn ’e tiid dat Oepcke Tseards en Bintsy Jans dêr tahâlde

II
Jan Oepckes
~ Peins 28-8-1687; fan 1718-1728 te Wier bewenner fan ‘een huisje van een arme koter’; yn 1738 boer op stim 29 te St.-Jabik ûnder Wier, de pleats is eigen oan Johannes Sybes Andringa; Jan en Aaltsje binne 23-4-1738 lidmaat te Wier, dêrby tekenet dûmeny oan: ‘woonen voor aan op t bilt (Aaltsje wurdt dan Aaltie Jans neamd); yn 1748 boer op stim 45 te St.-Jabik, yn 1749 wurdt Jan oanslein as ‘gemeene boer, goed beslag’ (‘gemeen’ betsjut hjir ‘gewoan’); Jan wurdt yn it lidmateregister fan Wier yn 1714, ’16 en ’23 Jan Upkes neamd;
x 1 Tsjom 22-5-1707 Aaltje Gerbens † 1750, fan Lytselollum
x 2 St.-Jabik 20-9-1750 Trijntje Doedes * omstrings 1725?
A322

III
Gerben Jans
(yn ’e doopboeken by berte fan syn bern oantsjut mei Meier; betsjutting yn dit stik fan saken: hierder fan lân) † St.-Jabik 30-4-1778; 1740, ’42 boer te St-Anne, in 1749, ’53, ’55, ’57 idem te St.-Jabik op stim 32, letter 31;
x Wier 12-4-1739 Froukje Lammerts * St.-Jabik 30-4-1778 † dêr 6-6-1792; dr fan Lammert Clazen en Trijntje Ydes
A322

IV
Tjeerd Gerbens Andringa
~ St.-Anne 11-9-1740 † Tsjummearum 6-6-1822, 81 jier; wolkammer te St.-Jabik; op 8-8-1802 gean Tseard en Akke mei attestaasje fan St.-Jabik nei Easterbierrum, se hiere dêr in sate en lân fan Carel Emilius Elst baron Collot d’Escury, te Minnertsgea, boargemaster fan Barradiel; op 8-11-1817 komme hja dêrwei mei attestaasje yn Tsjummearum; by syn ferstjerren is Tseard dêr rintenier
x St.-Jabik omstrings 1772 Akke Geerts Epkema ~ St.-Jabik 15-8-1751 † Easterbierrum 22-11-1814, 63 jier, hûsnr 82; dr fan Geert Epkes Epkema, bijker te St.-Jabik (yn Kwotisaasjekohier fan 1749: ‘redelijk welgesteld’; mooglik ek skoalmaster, soks neffens it lidmateregister fan St.-Jabik 1767), en Trijntje Pytters
A323

§ Sûnt 1774 Andringa
Tseard neamt him sûnt 1774 Andringa, mooglik nei de Andringa-pleats dêr’t syn pake Jan Oepckes (II) op buorke;
Akke wurdt yn it doopboek fan St.-Jabik by de berte fan har soan Gerben yn 1777 oantsjut mei de fan Epkema, allyksa yn har stjerakte

Tsjummearum yn ’e tiid fan Tseard Gerbens Andringa en Akke Gearts Epkema.
De tekening is makke yn 1780

Klik foor inhoud >>

V
Geert Tjeerds Andringa
* St.-Jabik 9-12-1786 ~ dêr 11-2-1787 † Tsjummearum 14-1-1845, 58 jier; koaltsjer te St.-Jabik; yn 1807, ’10 te Easterbierrum; yn 1810 te Tsjummearum, yn 1815, ’38 dêr arbeider; yn 1817 fisker ûnder Tsjummearum; yn 1843 en by ferstjerren dêr koaltsjer (ferbouwer fan benammen koalsoarten) op syn eigen pleats; yn 1805 mei-oprjochter en bestjoerslid wetterskip De Oosterbierumer Polder;
x Easterbierrum 25-1-1807, dan beide fan Easterbierrum, Trijntje Harmens Kampsma * Tsjummearum 6-9-1785 ~ dêr 9-10-1785 † dêr 26-12-1855, 70 jier hûsnr 127; koaltsjerske te Tsjummearum, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Harmen Aarts en Mettje Geerts
Yn har stjerakte wurdt Tryntsje Kampsma neamd; oars ek wol Kamsma, û.o. yn ’e trou-akte fan har soan Harmen yn 1843, yn ’e stjerakte fan har man yn 1845 en yn in notarisakte yn 1852; se wurdt yn akten meast sûnder achternamme neamd; Tryntsje kin net skriuwe.

Geart en Tryntsje keapje op 11-4-1810 it hûs nr 127 oan ’e Dyksfoet ûnder Tsjummearum fan Rienk Jans en Theodora Gerbens, beide te Pitersbierrum; keapsom: f 290,00; notaris Sjoerd Simons Wijma; kantoar: Harns I; repertoire: 049046
Geart keapet op 20-11-1817 boulân te Tsjummearum fan Jan Daniëls la Fleur en Frouwkje Tjeerds Andringa; keapsom: f 300,00; kantoar Frjentsjer I; repertoire: 040035
Yn 1832 hat Geart yn eigendom in hûs oan ’e Seedyk ûnder Tsjummearum, perseel nr 97, 112 kante meter; hy besit dêr yn perseel 95:1500 m² wetter en 5260 boulân
Tryntsje ferkeapet op 20-12-1852 in 7/8 part fan boulân te Tsjummearum; keapsom: f 175,00; notaris Gijsbertus Schot; kantoar Frjentsjer II; repertoire 041086
A342

Op 5 septimber 1812 nimt Geart Tseards de namme Andringa oan, foar himsels
en syn dochterkes Akke fan fjouwer en Mettsje fan twa jier;
lykwols, it is mear in befesiging, want Geart syn heit neamt him sunt 1774 al Andringa

Klik foor inhoud >>

VI
Harmen Geerts Andringa
* Tsjummearum 10-4-1815 † dêr 21-7-1891; yn 1834 arbeider te Tsjummearum; by trouwen dêr koaltsjer yn 1846; gernier yn 1881, en eigenerfd bouboer op Koehoal ûnder Tsjummearum; ierdappel- en flaakskweker; foarjiersfisker;
x Barradiel 19-3-1843, 28 en 26 jier, Sijke Sybes Westra * Tsjummearum 22-12-1816 † dêr 4-1-1894; by trouwen winkelfrou te Tsjummearum; op Koehoal filiaalhâldster fan ’e Tsjummearumer bakker; by ferstjerren dêr sûnder berop (Sijke kin net skriuwe); dr fan Sybe Jetzes Westra, fisker te Tsjummearum, yn 1821 dêr arbeider (hûsnr 132), en Trijntje Nannings de Boer, yn 1840 arbeidster te Easterbierrum (Trijn kin net skriuwe)
Bern:
1 Libbenleas famke *-† Tsjummearum 8-10-1844
2 Geert Harmens Andringa
* Tsjummearum 24-8-1846 † dêr 15-9-1846, 3 wiken
3 Geert Harmens Andringa, folget VII.1
4 Trijntje Harmens Andringa * Tsjummearum 5-5-1850 † dêr 7-7-1850, 2 moanne
5 Sybe Harmens Andringa, folget VII.2
6 Nanning Harmens Andringa
* Tsjummearum 9-7-1853 † dêr 1-4-1881, 27 jier; arbeider te Tsjummearum, by syn heit-en-dy tink
7 Tjeerd Harmens Andringa, folget VII.3 
A342

§ Net yn tsjinst
Nanning Harmens Andringa wurdt op 14-3-1873 goedkeurd foar de Militêre Tsjinst; syn sinjalemint wurdt sa omskreaun: lingte: 1 Meter, 718 mm; Aangezigt: rond; Voorhoofd: ord[inair; dat betsjut yn dit gefal: gewoan]; Oogen: blaauw; Neus: ord; Mond: id[em]; Haar: blond; Wenkbraauwen: id; Merkbare teekenen: geene.
It is oan no ta net bekend at Nanning ek yn tsjinst gongen is, mar neffens de oantekeningen fan Jan Tseards Andringa soe syn heit foar alle soannen in nûmerferwikselder kocht hawwe:
In 1835 moest Harmen Geerts in dienst en kwam aan de grenzen in garnizoen, daar wij sinds 1830 met België op voet van oorlog verkeerden. Te voet ging zulk een tocht: na een dagenlange reis kwam men in Den Bosch aan. Verlof werd zelden gegeven.
Het is bekend dat Harmen slechts éénmaal in die 4 1/2 jaar met verlof is thuis geweest. Bij zijn thuiskomst vond hij zijn ouders terug: oud en arm. Zelf had hij in dienst reuma opgedaan, waardoor hij spoedig een oud man geleek.
Harmen had zo’n weerzin in de dienst gekregen, dat hij later zei: ‘Als het maar even kan, komt geen van mijn zoons in dienst en koop ik een remplaçant voor hen.’ Dat is ook gebeurd.

A1-316


Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Harmen Gearts Andringa; tsjûge is heit Geart Tseards Andringa; de beide mannen tekenje mei feardige hân; Sijke en har mem kinne net skriuwe

§ Foarjiersfisker

Waadfiskers by Koehoal, neffens in ets fan Johannes Hemkes (Skalsum 1894 – Bilthoven 1988)

Harmen Gearts fisket hjir by ’t foarjier mei sa’n 24 grutte hearringfûken en in fiskersboat; as dat goed ferrint, kin yn syn tiid mei twa man yn tsien oant tolve wiken f 400 oant f 600 fertsjinne wurde, in moaie ynstr.uier foar it útwreidzjen fan ’e buorkerij.
Letteroan komt de hjerringfiskerij ek wolris danich yn ’e nederklits, de hearrinkjes wurde dan yn ’e settersgatten as dong dellein.

Klik foor inhoud >>

GENERAASJE VII

VII.1 Geert Harmens Andringa * Tsjummearum 6-8-1847 † Frjentsjer 16-3-1936 [] Easterbierrum; G; by trouwen gernier te Tsjummearum, boer op Koehoal ûnder Easterbierrum;
x Barradiel 4-4-1901, 54 en 30 jier, Pietje Sippes Harkema * Seisbierrum 7-2-1871 † Frjentsjer 3-4-1940 [] Easterbierrum; G; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, Pytsje kin dan net skriuwe; dr fan Sippe Pieters Harkema, arbeider te Seisbierrum, en Sijke Obbes Hofma, by har trouwen yn 1870 arbeidster te Easterbierrum (Sijke kin yn 1870 en 1901 net skriuwe)
Geart krijt op 12-4-1877 as ramplesant foar Militêre Tsjinst Folkert de Jong fan Froubuorren (fâd is Cornelis Pieters de Jong); notaris: Jacob van Leeuwen; kantoar: Ljouwert VI; repertoire: 080023
Pytsje har oerpake Sippe Jans te Seisbierrum nimt op 27-3-1812 de namme Harkema oan; der is gjin ferbân lein mei Harkema state ûnder Tsjummearum, de namme Harke komt fan oerbeppes kant wol foar; genealogyske hâldfêsten:
Sippe Jans Harkema ~ Easterbierrum 8-10-1769 † Seisbierrum 12-5-1836, 68 jier; yn 1813, ’17, ’25 arbeider te Seisbierrum, yn 1830 dêr koaltsjer, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Jan Sippes en Hiltje Douwes; x Wapke Arends (komt foar yn akten mei de achternammen Harkema en Feenstra); yn 1836 arbeidster te Seisbierrum; dr fan Arend Harkes (yn 1828 postúm Feenstra yn ’e trou-akte fan syn dochter Aaltje) † Stiens 5-6-1812, 75 jier, ‘aan boord van zijn vaartuig’; skipper û.o te Weinterp en Stiens, en Dieuwke Gerbens (yn 1828: Djoucke)
A 343
Bern:
1 Sijke Geerts Andringa
* Tsjummearum 6-12-1904 † dêr 29-9-1908 [] Tsjummearum
2 Reinskje Geerts Andringa * Tsjummearum 6-8-1907 † Red Deer, Alberta, Kanada 3-2-2005; Christian Reformed Church; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum;
x 1 Barradiel 5-6-1930, 22 en 24 jier, Karsjen Sjerp Bruinsma (Karst) * Easterbierrum 5-3-1906 † Lacombe 6-2-1966; G; by trouwen bouboer te Minnertsgea op syn âlderspleats, yn 1936 nôttersker te Frjentsjer; de húshâlding emigreart oktober 1948 nei Lacombe, nei Kars syn omke Paulus Hilbrands Bruinsma-en-dy, dy’t dêr buorkje; sn fan Jan Hilbrands Bruinsma en Geertje Karsjens Kalma, yn 1906 gerniers te Easterbierrum, dêr letter bouboeren, op ’e nij bouboeren te Minnertsgea
Sjoch: Genealogy Bruinsma VIII.4
x 2 Lacombe 8-4-1978 Henry Albertus Salomons * Gramsbergen 21-10-1909 † Lacombe 24-12-1998; G; sn fan Jan Salomons, boer te Gramsbergen, en Roelina Feddes

It gerniershûs fan Geart Harmens en Pytsje Harkema mei it Swarte Hok oan ’e Seedyk; it spul is ôfbrutsen om in dyksferheging omstrings 1973. Links achter ’t hok de pleats fan Sybe Harmens op Koehoal.
Tekening fan J. Mulders A1-255
De húshâlding fan Reinskje Andringa en Karst Bruinsma, wierskynlik yn Red Deer Kanada.
Steand, fan links nei rochts: Roelof (Ralph), Hilbrand (Herman), Jan (John), Jantje (Joanne), Geert (george), Ane (Andrew),
Sittend: Pietje (Pearl), Karsjen Sjerp Bruinsma (Karst), Reinskje Andringa (Renee) en Jetske (Gay)
,
1964
Karst Bruinsma en Reinskje Andringa.
Besuden Vancouver oan see, tichteby White Rock. De grûn dêre is fan Amearika. Dy grutte beamstammen spiele oan fan Vancouver Island, maart 1964

Klik foor inhoud >>

VII.2 Sybe Harmens Andringa (ek: Sijbe; by berte ynskreaun as: Sybe) * Tsjummearum 26-7-1851 † Easterbierrum 23-12-1910; G; boer op Koehoal;
x Barradiel 25-5-1876, 24 en 27 jier Jantje Menzes van Marssum * St.-Jabik 29-9-1848 † Easterbierrum 23-6-1923; by har boaskjen tekenet Jantsy: J. Van Merssem, yn 1913 by houlik fan soan Geart: J.J. van Marssum; G; by har trouwen arbeidster, dêrnei boerinne, ek as widdo; dr fan Menze Jans van Marsum, (ek: Van Marssum; tekent sels: Mense J. van Marsum), en Renske Baukes Dijkstra (ek: Rinsje; Rînsy kin niet skrive), arbeiders te St.-Jabik
A343
Bern:
1 Renske Sybes Andringa
* Tsjummearum 28-7-1877 † dêr 4-1-1947; G;
x Barradiel 31-5-1900 Jelte Pieters Tuinhof * Tsjummearum 8-11-1875 † dêr 6-10-1954; arbeider en gernier te Tsjummearum; sn fan Pieter Jans Tuinhof, koaltsjer te Tsjummearum, en Ytje Jeltes Posthumus
2 Harmen Sybes Andringa, folget VIII.1
3 Minze Sybes Andringa
(ek: Menze; yn berte- en stjerakte: Minze) * Tsjummearum 20-1-1882 † Easterbierrum 19-8-1903, 21 jier; as Minze ferstjert is er krekt út de militêre tsjinst, by fertsjerren arbeider te Tsjummearum, by syn heit-en-dy tink
4 Geert Sybes Andringa, folget VIII.2

Sybe Harmens Andringa.
It is net wis at dit Sybe wol is.
Jantsje Minses van Marssum.
Fotograaf: P. Timmer, Frjentsjer
Minse Sybes Andringa.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits

§ De Stjelp op Koehoal

De Stjelp op Koehoal.
Boarne: Oud Tzummarum en Omstreken


Neffens it boekje De Stjelp op Koehoal, fan Afke Brouwer-de Beer, is de hjirboppesteande ets fan Johannes Hemkes
in ôfbylding fan Koehoal.
Dit is Koehoal lykwols net, mar Roptasyl. Klaas Evert Andringa en Piter Andringa koenen dat traseare. Piter fertelt dat yn ’e Histoaryske atlas mei topografyske kaarten, dy’t tusken 1926 en 1934 opnommen binne, it plak te finen is. Under Ropsyl komt de Alddyk by de Seedyk út, en krekt noardlik derfan (ter hichte fan peal 110) moat Hemkes sitten hawwe.
Je sjogge it brechje fan ’e Swingmaleane, it kampke dêr’t de lytse pleats stiet oan ‘e oare kant fan it wetter; de lytsere húskes derachter binne as reade stipkes op dy kaart te sjen en de rige fiskershúskes oan ‘e Seedykskant stean der ek op.

De Stjelp op Koehoal, leit oan eigen wei en stiet op eigen grûn, yn tsjinstelling ta de oare eardere huzen fan ’e buorskip. De wiel dêrfoar is ûntstien troch in saneamd streamgat by in dyktrochbraak yn ’e nacht fan 30 op 31 jannewaris 1877. In dykferheging hat west omstrings 1973.

Geart Sybes Andringa sketst in plattegrûn fan ’e kop-romppleats dy’t yn 1907 ôfbaarnt troch ynslach fan ’e wjerljocht

De Andringa’s keapje yn 1898 fan Johannes Samuels Steenmeijer hûs, skuorre, hiem, bou en greide en dêrby fergraven lân en wetter; de pleats stie doe op itselde stee as de stjelp hjirboppe, mar mei de foarein nei de dyk ta.

Koehoal omstrings 1920.
Hjir stean mooglik Geart Sybes Andringa (rjochts) op mei Janke en Tine Bergstra, syn skoansusters.
Fierders twa berntsjes, ien stiet, de oare op in earm en beide ha jurkjes oan, tink.
Wa wit wa’t wa is?
Koehoal omstrings 1924, nommen fan ’e Seedyk ôf, mei de bruorren Sybe en Klaas Evert op it stek en har twadde mem Geiske Koopmans derachter.
It foarhûs mei de iepensteande blinen. It rút op ’e hoeke fan ’e sydmuorre hearde noch by de moaie keamer. Dêrachter in rút fan ’e 13 meter lange gong.
Krekt dêrfoar de wetterput, dy is net te sjen. Mear nei links de âlde keuken en it houten hokje dêrfoar, dat wie de stoepe, dêr’t de molkbussen himmele waarden en de wask wykliks.
De buorskip Koehoal omstrings 1930

De buorskip Koehoal, achter yn ’e midden de Stjelp fan ’e Andringa’s. Links oan ’e Seedyk de pleats fan ’e Houtsma’s, dy’t yn 1943 ôfbaarnd is.
Tsjikke Andringa (X.3) skriuwt: Dêr buorken Sybe en Liefke Houtsma (Sybe Harkes en Liefke Johannes Stellingwerf), mei fjouwer grutte soannen; dy ha doe nei de brân in pear jier by ús ynwenne en letter oan ’e Alddyk (rjochts fan ús eigen reed) in nije buorkerij oan ’e Hoarnestreek bouwe litten, har âld stee is net wer beboud. Fan dy soannen ferfear Wop nei Amearika, Johannes en Harke wennen earst ek op Koehoal en sûnt de dyksferheging oan ’e Hoarnestreek; se hienen in tomatekas oan ’e Konkelswei; en de jongste, Haye, naam it bedriuw fan syn heit-en-dy oer, dus oan ’e Hoarnestreek ûnder Easterbierrum. Dat liek en liket dêr hast wol in Houtsma-dyk te wurden, want in pear pakesizzers wennen en wenje oan dyselde dyk.
Yn ’e fyftiger jierren wennen yn ’e huzen oan ’e Seedyk ûnder Easterbierrum Klaas en Hiske Bonnema (Klaas Piers en Hiske Trijntje Gerrits de Boer; op ’e foto is fan har hûs in lyts stikje te sjen); dêr stiet ek it swarte hok en it fiskershúske fan fisker Sipke en Jantsje van der Zee (Sipke Jeltes en Jantje Christiaans Wassenaar).
Oan ’e Seedyk ûnder Tsjummearum wennen oan ’e linkerkant fan ús reed Klaas en Lyb Houtsma (Klaas Wopkes en Elisabeth Jacobs Groeneveld); dêrneist Douwe en Wytske Hoekstra (Douwe Geerts en Wytske Tjeerds Weistra); op ’e pleats Johannes en Riek Houtsma (Johannes Sybes en Riekje Zaagsma). Dêrachter, mar dy huzen binne hast net te sjen, wennen Harke en Hieke Houtsma (Harke Sybes en Hieke Schepenaar), dan de molkrider Frans en Pytsje Groeneveld (Frans Jakobs en Pieterkje Johannes Bijlsma); dan it spul dêr’t Geert en Pytsje Andringa–Harkema (VII.1) op buorken; fierders fisker Jelte en Jantsje van der Zee (Jelte Rientses en Jantje Willems Kikstra). Dêr wer neist wie it Koehoalster kafee, dat hûs stiet der no noch. Alle oare fiskerhúskes binne begjin santiger jierren ôfbrutsen om de seedyk ferheegje te kinne. De Fiskersfeart wie de skieding tusken Easterbierrum en Tsjummearum, dat de bewenners neist ús reed hearden by Easterbierrum en de ‘buorlju’ oan ’e ein fan ’e reed rjochting Kapellewei ûnder Tsjummearum.  

De Stjelp op Koehoal, links de pleats fan Sybe en Liefke Houtsma

Dit kaartsje is grif tekene troch Sybe Gearts Andringa as er jongfeint is. It lit Koehoal sjen en de omkriten ûnder Easterbierrum en Tsjummearum; ûnderoan binne de haden yn ’e Waadsee oan ’e Seedyk tekene.
Underoan yn ’e midden de Stjelp op Koehoal: ‘huizen eigen stelp met lytshûs en poterbewaarplaats’; oan ’e ‘eigen reed’ links de mole mei wenhûs en twa arbeidershúskes fan ’e Andringa’s. Oan ’e ein fan dy reed de pleats fan ’e Gebroeders Durk, Jelte en Klaas van der Zee. By Tsjummearum it ‘Gasbedrijf’.

Koehoal omstrings 1984

Klik foor inhoud >>

VII.3 Tjeerd Harmens Andringa * Tsjummearum 23-1-1857 † Ljouwert 20-11-1929 [] Tsjummearum; G; sûnt syn trouwen boer op Koehoal en sûnt 14 april 1891 op ’e Ouwedyk 1225 yn ’e Westhoek fan St.-Jabik;
x Barradiel 17-7-1882 Grietje Jans Postma * Tsjummearum 26-1-1859 † Ljouwert 17-6-1936 [] Tsjummearum; G; dr fan Jan Hyltjes Postma en Jitske Klazes Haima, bouboeren te Tsjummearum
A345
Bern:
1 Harmen Tjeerds Andringa, folget VIII.3
2 Jitske Tjeerds Andringa
* Tsjummearum 11-8-1885 † Snits, wenjend te Bolswert, 31-7-1974 [] Hallum; oant 1921 bakkerinne te Hallum;
x It Bilt 2-6-1910 Jouke Aants Werkstra * Hallum 23-4-1882 † Easterbierrum 22-7-1962 [] Hallum; G; bakker te Hallum; sn fan Aant Joukes Werkstra, mr bakker te Hallum, en Jitsche Reinders Hoekstra
3 Jan Tjeerds Andringa, folget VIII.4
4 Nanning Tjeerds Andringa * Tsjummearum 16-8-1890 † St.-Jabik 10-7-1896
5 Klaas Tjeerds Andringa, folget VIII.5
6 Sijke Tjeerds Andringa * St.-Jabik 5-9-1895 † Frjentsjer 14-11-1988; G;
x Ferwerteradiel 19-2-1920 Jan Sijmens Hoekstra * Garyp 21-4-1895 † Bolswert 22-10-1985; boer; G; sn fan Sijmen Oeges Hoekstra, greidboer te Garyp, en Jantje Janties Bosma

Klik foor inhoud >>

GENERAASJE VIII

VIII.1 Harmen Sybes Andringa * Koehoal, ûnder Tsjummearum 11-9-1878 † Lyts Aysma, Dyksterhuzen ûnder Bitgummole 4-7-1915 [] Bitgum]; G; bouboer op Lyts Aysma;
x Menameradiel 11-4-1907 Bregtje Reimers Brouwer * Grut Fellingwurd te Menaam ûnder Bitgum 19-5-1884 † Bitgum (by har dochter Tryntsje-en-dy) 6-2-1969; dr fan Reimer Gerbens Brouwer, gernier te Bitgum, bouboer op Grut Fellingwurd te Menaam, en Trijntje Jacobs Gosliga
Brechtsje x 2 Menameradiel 18-2-1919 Rients Joukes Wartena
Sjoch: Genealogy Brouwer 1 XIII.1.3, Genealogy Wartena VII.2
A346
Bern:
1 Trijntje Harmens Andringa, folget IX.1

2 Siebe Harmens Andringa (ek: Sybe; by berte ynskreaun as: Sijbe, skriuwt himsels Siebe) * Lyts Aysma op Dyksterhuzen 4-9-1909 † Harns, wenjend te Bitgummole, 19-3-2001, 91 jier, [] Bitgum; G; bouboer te Bitgum; rintenier te Bitgummole;
x Ljouwert 24-5-1939 Richtje Synes Nauta * Assen 19-9-1908 † Ljouwert, wenjend te Bitgummole, 7-9-1983, 74 jier, [] Bitgum; G; dr fan Syne Wybes Nauta, bakker te Bitgummole, letter te Assen, en Maaike Dirks van der Schaaf
A349
Sjoch: Genealogy Van der Schaaf 1978 – IX.12
3 Jantje Harmens Andringa * Lyts Aysma op Dyksterhuzen 27-12-1910 † dêr 15-5-1952, 41 jier, [] Bitgum
4 Dirkje Harmens Andringa (Dukke) * Lyts Aysma op Dyksterhuzen 26-5-1913 † Ljouwert, wenjend te Hallum, 4-7-2009, 96 jier, [] Bitgum; G; ûnderwizeres, yn 1945 te Twizel, 1948-1978 te Hallum

Harmen Sybes Andringa.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrefean, Snits
Harmen Sijbes Andringa en Bregtje Reimers Brouwer
Troufoto fan Harmen Sybes Andringa en Bregtje Reimers Brouwer.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits

§ Harmen stichtet per brief
Harmen Sybes Andringa skriuwt oan in breidspear, wierskynlik syn tsien jier jongere broer Geart en syn frou Lybrig Bergstra (VIII.2). Harmen winsket dat Geart him bekwaamt ta Profeet, Preester en Koaning.
De folchoarder fan ’e bôgen papier is hjir: 4, 1, 2, 3. Klik op ’e ôfbyldings foar fergrutsjen en trochblêdzjen.

ANDRINGA Harmen Sybes brief diel 1
ANDRINGA Harmen Sybes brief diel 2



§ Lyts Aysma, de pleats op Dyksterhuzen

Lyts Aysma state op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole.
Hjir buorkje Harmen Sybes Andringa en Brechtsje Reimers Brouwer.
Op ’e foto: links nei alle gedachten in arbeider, Brechtsje mei Siebe op ’e earm tink, Tryntsje,
en de man by ’t hynder kin Harmen Sybes Andringa wol wêze.
Sawat yn ’e midden stiet de stookhutte; dy wie grut útfallen, mei in wenkeammerke en Delftsblau-betegele muorren en skou, in solderke
en deunoan in bargehok, oan diskant, dat de sûch en syn bich ha har ûnderkommen fuortby

De kop-hals-rop is boud yn 1793 troch Syds Sjoerds Koopal en Sieuwke Dirks Pierson (sjoch Genealogy Koopal IV.1). De pleats wurdt troch de Koopal-sibben ferkocht oan Fonger Ydes de Haan en Tettje Cornelis Sleeswijk, Ljouwerter keaplju en heareboer op Zomerzorg dêrneist;
de pleats wurdt troch Syds en Sieuwke Koopal har oer-oerbeppesizzer Brechtsje Reimers Brouwer en Harmen Sybes Andringa hierd fan ’e dochter fan Fonger en Tettsje de Haan-Sleeswijk: Antje Fongers de Haan, frou fan jonker Coert Lambertus van Beyma thoe Kingma, notaris; de pleats wurdt letter hierd fan dy har dochter jonkfrou Cornelia van Beyma thoe Kingma, frou fan Hendrik Rudolf Tutein Nolthenius, rintmaster fan it Kroandomein; de pleats wurdt yn ’e jierren ’70 fan har kocht troch Reimer Rientses Wartena en Bauk Gerbens Brouwer.
It lân wurdt tsjintwurdich brûkt yn ’e Maatskip Albrecht en Jouke Wartena; dêr’t allyksa lân bebuorke wurdt út de pleats Ald Grut Aysma dêrneist (troch Durk Sybrens van der Schaaf neamd Saadsum, syn biologysk lânboubedriuw) en út de pleats Nij Fellingwurd op Fjouwerhûs te Menaam ûnder Bitgum.
Gerben Reimers Wartena is hjoeddedei de bewenner fan Lyts Aysma.

Tryntsje, Jantsje en Siebe Andringa.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Tryntsje, Harmen Sybes Andringa, Siebe, Jantsje, Dukke en Brechtsje Reimers Brouwer.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert
Bitgumer hôf, rigel 17, grêf 17.
Harmen wurdt oantsjut mei ‘den Heer’,
dat is gjin gongber gebrûk yn ’e boerestân,
of it moat wêze dat it hjir gean soe om in heareboer
Rigel 17, grêf 18.
Jantsy hie earder in lizzende sark, lykfoarmich oan dy fan har heit, mei as opskrift,
op ’e nije grêfstien fierhinne oernommen:
IK ZAL UW AANGEZICHT IN GERECHTIGHEID AANSCHOUWEN/
GRAFPLAATS/VAN/ONZE LIEVE DOCHTER EN ZUSTER/
JANTJE H. ANDRINGA,/
DOCHTER VAN HARMEN ANDRINGA (WIJLEN)/
EN BRECHTJE BROUWER,/
GEBOREN TE BEETGUM/DEN 27 DECEMBER 1910,/
OVERLEDEN ALDAAR/DEN 15 MEI 1952./
WIJ HEBBEN HEM LIEF,/OMDAT HIJ ONS EERST HEEFT LIEFGEHAD./I JOH. 4:19.
De healwezen Jantsje, Tine, Dukke en Siebe Harmens Andringa mei mem Brechtsje Reimers Brouwer.
Fotograaf: F.O. Strüppert, Ljouwert
De bern fan Harmen Sybes Andringa en Brechtsje Brouwer mei har healsusters en -bruorren en kalfsuster en -bruorren.
Harmen en Brechtsje ha fjouwer bern, Brechtsje en Rients Wartena ek, en Rients en syn earste frou Sytske Kingma allyksa.
Uzes, mines en dines.
Fan links nei rjochts: Ype Wartena, Jantsje Andringa, Anskje Wartena, Ruurd Wartena, Rients Joukes Wartena, Gerben Wartena, Tryntsje Andringa, Albrecht Wartena, Jouke Wartena, Brechtsje Reimers Brouwer, Siebe Andringa, Reimer Wartena, Dukke Andringa en Aaltsje Wartena.
Sjoch om der út te kommen, de genealogyske hâldfêsten: Genealogy Brouwer 1 XIII.1.3 en Genealogy Wartena VII.2
Richtsje Nauta
Fotograaf: Kunst & Kooyker, Heeresingel , Grins
Siebe Harmens Andringa.
Fotograaf: F.O. Strüppert, Ljouwert


Siebe Andringa en Richtsje Nauta op ferlovingsfakânsje,
1939

Klik foor inhoud >>

§ Siebe Harmens Andringa, ús aller Omke Siebe
Siebe Harmens Andringa is mei syn frou Richtsje Nauta aimabel, beminnelik – sa’t dat dan neamd wurdt. Se ha sels gjin bern. Nee? De berneskare om har hinne is ûnbemetten. Hoefolle ha net – yn dat jonge libben ûnderweis – yn alle opsichten oer de de flier en útfanhûs west by omke Siebe en muoike Richtsy en drage dierbre oantinkens yn har wêzen mei. Hoefolle besites oer en wer, op reis nei tagediene mienskipssin.
It wie – en is yn oantinken – ’Omke Siebe en Muoike Richtsy’ – ‘omke en muoike’ net allinne foar de neisten yn juridysk earste graad, ek foar bern fan har achterneven en nichten op Koehoal by Sybe en Gryt, en yn ’e fiere Noard Oast Polder by Reimer en Rom, of yn ’e Westhoek fan St.-Jabik oan ’e Westerdyk by Doekele en Anne, en sels by àchteràchterneven- en nichten fierderop oan ’e Seedyk, by Tsjeard en Sjoeke. In begryp. Fertroud.
Omke Siebe is de trou yn syn skriuwen oan syn swide skare sibben. Dat docht er yn eigen algehele foarm en stavering. Hjirûnder in greep út brieven en kaarten dy’t er stjoert oan ’e jongsten fan syn neef Doekele Gerbens Brouwer en Anne Hettema. Dy jonkjes neame omke Siebe en muoike Richtsje fan jongsôfoan de twillinkjes, se kinne mei dy koasnamme hast net ophâlde. Dûbelop famylje binne se hjirre, want Siebe is as soan fan Brechtsje Brouwer in neef fan Doekele fan heites kant en Richtsje is as dochter fan Maaike van der Schaaf in nicht fan him fan memmes kant.

Omke Sieberen: Sybren Arjens van der Schaaf, widner fan Hinke Reimers Brouwer;
Henny: Henny Nicolai, frou fan neef Reimer van Tuinen;
Grietzen en Nine: Grietzen Dijkstra en Nine Wiersma, kastleins yn Groot Terhorne te Bitgummole;
De nije feriening: Aldfaers Erf, foriening foar doarpsskiednis Bitgum, Bitgummole en Ingelum, oprjochte yn 1972;
De atlas fan ‘bos’: Bosatlas, Schoolatlas der gehele aarde, Wolters-Noordhoff, Grins;
’t Pake en Beppe boekje: Forslach fan de Brouwersjoun, hâlden de sneons 7 febrewaris 1970 to Bitgum yn ‘By de Greate Pomp’, dêr’t ek stambeammen yn opnommen binne;
Albert en Brecht: Albert Oosting en Brechtsje Boomgaardt, âldste dochter fan Siebe syn healsuster Ank Wartena en Rein Boomgaardt.
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 

Siebe is allyksa in gelyfd foargonger by begraffenissen fan net-tsjerkliken; sosjalisten en anargisten sykje him oan om foar te gean by de útfeart fan har neiste, in inkelde fan liberale sinjatuer ek wolris. Want ‘Andringa’ skôget de skepsels Gods yn de omearming fan ivige ûntferming. Dêr is gjin ûnderskied mear tusken ryk of earm, links of rjochts, lit stean otterdoks of frijsinnich. En wat achter de wolken is, mei mysteary bliuwe – frij fan dogma, fol fan leafde. Dêr is it minskdom wol mei bekend, wit dat foar even – blykber, by dy konkrete kûle of oven en de omdoarmjende dagen krekt dêrfoar. Dan ebbet soks wer fuort – Andringa is in hâldfêst yn ús geastelike weareld, want hy hâldt fol, hy is yn ’e praktyk fan it libben by ús, dagen, moannen, jierren.
Siebe Andringa is sadwaande tagelyk gewild bestjoerder yn Tsjerke, Steat en Maatskippij. Allegeduerigen âlderling, idem wetterskipsbestjoerder fan Het Zuiden en De Trije Doarpen, idem de kulturele mienskip fan It Bitgumer Fermidden, Kristlik Fryske Krite Karel Roarda, idem Boerelienbank, etc, etc, etc. Yn alle deemoedigens, sûnder fertoan fan status, gefoel foar macht of jild dat makket – in hillige benei sa’t skynt, hjir op ierde. Optild? Richtsje regeart as heale Van der Schaaf oer benei dan toch alle ierdske dingen. Tè strikt, want sa rigide koart troch de bocht? O al dy foaroardielen. In foarse, ferstandige en leave frou dy’t seit dêr’t it op stiet. Se hâldt Siebe yn ’e stringen en wol dat fan harsels leaver net sa ha.

Siebe Harmens Andringa (steand 3e fan rjochts) as bestjoerslid fan ’e Boerelienbank Bitgum; neist him rjochts: Dirk Jacob Binnema, bouboer op Buma state op Dyksterhuzen, en Jan Willems Dijkstra, feehâlder oan ’e Langestraat te Bitgummole;
2e fan links: Berend Thomas Dijkstra, túnker oan ’e Menamerdyk te Bitgummole;
2e fan rjochts sittend: Petrus Jacobus Wybrandus Koopmans, timmerman te Bitgum

Siebe bekent syn wjerfarren it grutste part fan syn lange libben yn in net ôflittende kronyk yn syn deiboeken, alle flotte en ûnmooglik maklike en wjerstribbige dagen seker en sekuer dellein yn potlead, kroantsjepinne, fulpen en balpen, mei yntym gemoed en puntich-saaklike wederwaricheden. Sa betreklik ferivige, troch Omke Siebe by syn gehele leven optekene foar ús allegearre, syn leave minskebern; dingen fan doe, noch aktueel – freugdefol en oandwaanlik. Want Omke Siebe ferbynt. Syn lok en fertriet is anneks mei dat fan ússels yn it no – dus, as Omke Siebe it libben en ferstjerren fan je broer beskriuwt en dat yn alle twifelachtige sekerheden tear beskôget, bygelyks, bestiet wierhaftich nei safolle jierren ynsicht en treast. En fierhinne dat.

Siebe Andringa, rjochts, typysk mei de finger omheech ta begroeting en ôfskie: wy tinke oan inoar hear!
En Siebe syn neef en nicht Reimer en Bauk Gerbens Brouwer; Bauk is ek Siebe syn healskoansuster

Klik foor inhoud >>

VIII.2 Geert Sijbes Andringa * Tsjummearum 18-8-1889 † Easterbierrum 15-5-1950 [] Easterbierrum; G; bouboer op Koehoal, letter kassier Boerelienbank Easterbierrum;
x Menameradiel 15-5-1913, 23 en 24 jier, Lijbrig Bergstra (ek: Lybrich; by de berte ynskreaun as: Lijbrig) * op de Stiennen Ulebuorden op it Bitgumer Nijlân ûnder Ingelum 1-3-1889 † Koehoal 8-5-1917, yn ’e kream [] Easterbierrum; bouboerinne op Koehoal; dr fan Klaas Evert Jans Bergstra, greidboer te Ljouwert, yn 1886 te Wyns, sûnt Alde Maaie 1886 bouboer op ’e Stiennen Ulebuorden ûnder Ingelum (hûsnr 75Bûten, letter 100), en Ymkje Tjerks Kaastra;
x 2 Menameradiel 23-2-1922 Geiske Koopmans * Menaam (doarpskom Bitgum) 13-7-1887 † Easterbierrum 4-4-1947 [] Easterbierrum; G; helpûnderwizeres te Bitgum, sûnt 23-2-1922 bouboerinne op Koehoal; dr fan Tjeerd Sytses Koopmans, timmerman te Berltsum, sûnt Alde Maaie 1886 mr timmerman te Bitgum (nrs 282, 458, 89), en Jetske Crispinus Carels Knoll, fan Seisbierrum, sûnder Alde Maaie 1886 krudenierske te Bitgum
Bern:
1 Sybe Geerts Andringa, folget IX.2
2 Klaas Evert Andringa, folget IX.3
3 Deaberne jonkje
*-† Koehoal 22-4-1917
A346

Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Geart Harmens Andringa
en Lybrich Bergstra;
tsjûgen: Jantsje van Marssum (skriuwt harsels hjir wat ûnwis J V Marusum),
Klaas Evert Bergstra en Ymkje Kaastra
Geert Sybes Andringa.
Fotograaf: Obbema & De Bruin, Ljouwert, Snits
Foaroan: Geart Sybes Andringa en Lybrich Bergstra,
op ferlovingsfakânsje. Wa binne de oare twa?
1913
Sybe, Klaas Evert, Geert Sybes Andringa, Geiske Koopmans en Béla Dretomski út Hongarije, dy’t as evakuee yn ’e húshâlding opnommen wie
Geert Sybes Andringa. Is Geart dan as widner op besite by syn skoansusters op ’e Stiennen Ulebuorden ûnder Ingelum?
Dan kinne de froulju Janke of Tine Bergstra wêze en de dame mei de ljochte doek Anne Bergstra, troud mei ds Roelof Herres Bartlema, de bern binne dan mooglik Ymkje (* 1915) en Herre Bartlema (* 1916). Wa wit it?
Flaaksrûpelje ûnder Koehoal.
De skeaven wurde troch de izeren kaam op ’e rûpelbank helle, it sied falt derút, wurdt brûkt foar oalje
en de fezel bliuwt oer foar de bewurking ta linnen.
Fan links nei rjochts: Sjoerd Feenstra, Wap Jorritsma, Lieuwe Heerts de Jong, Gerben Jorritsma,
Siebren Feenstra (de heit fan Jappie Feenstra, letter arbeider by Sybe Gearts), onbekend, Meinte, Geart Sybes Andringa
en Tækje Bonnema.
Sjoch: Flaaksbewurking
Andringa-grêven op it hôf te Easterbierrum
It personiel fan ’e Legere Kristlike Skoalle te Bitgummole foar de haadyngong fan ’e skoalle.
Twadde fan links: haadmaster Jan Alberts, alheel rjochts: Geiske Koopmans, se is dan wierskynlik helpûnderwizeres.
Wa wit wa’t de oaren binne?
Geart Sybes Andringa, Geiske Koopmans en mooglik skoansuster Anne Bartlema-Bergstra mei har bern Herre en Ymkje

Klik foor inhoud >>

VIII.3 Harmen Tjeerds Andringa * Tsjummearum 24-6-1883 † Holwert 3-1-1920, 26 jier [] Tsjummearum; ûnderwizer, letter bouboer te Holwert;
x It Bilt 30-4-1914 Grietje Pieters Nauta * St.-Jabik 11-10-1885 † St.-Anne 29-3-1982, 96 jier, [] St.-Jabik; bouboerinne te Holwert, ferfart op 13-4-1920 út Holwert nei St.-Jabik (hûsnrs 137, 237, 390, Westeand), komt mei har dochter Klasy yn te wenjen by har mem Klasy Olivier; dr fan Pieter Gerrits Nauta, bouboer te St.-Jabik, en Klaaske Sybrens Olivier
Sjoch: M.J. van Lennep, Het geslacht Olivier – V ter 4, side 88; Genealogysk Jierboekje 1967, Fryske Akademy, 1967
Bern:
1 Klaaske Grietje Andringa
(ek: Klaasje; Bildtse roepnaam: Klasy) * Holwert 29-10-1916 † Tsjummearum 28-1-2014, 98 jier, [] St.-Jabik, by har mem
2 Libbenleas jonkje *-† Holwert 29-10-1916 [] Tsjummearum, yn it Andringa-famyljegrêf
A346

Harmen Tseards Andringa
Harmen Tseards Andringa
Harmen Tjeerds Andringa
Grietje Nauta
Harmen Tjeerds Andringa en Grietje Pieters Nauta.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits
Gryt Nauta en Klasy Andringa in ’e achtertún an ’t Westeand te St.-Jabik,
1973

Klik foor inhoud >>

VIII.4 Jan Tjeerds Andringa * Tsjummearum 19-3-1888 † St.-Jabik 19-9-1954 [] Tsjummearum; bouboer te Achlum, sûnt 14-5-1920 te St.-Jabik (nr H299); sûnt 1925 yn ’e Westhoek ûnder St.-Jabik (nr 400);
x Barradiel 10-5-1917 Sijtsche Jans Offinga * Almenum 16-5-1892 † Ljouwert 29-7-1946 [] Tsjummearum; dr fan Jan Tjitses Offinga (tekenet by syn trouwen: Offenga), yn 1890, ’92 stienbakker te Almenum, yn 1918 tasker te Frjentsjer, en Anna Leuntje Pieter Cornelis van der Valk
A347
Bern:
1 Anna Leuntje Andringa
(Ann) * Achlum 21-5-1918 † Snits (sikehûs), wenjend te Luttelgeest) 14-10-2013; G;
x It Bilt 6-6-1940 Renze Hendriks Kuiken * St.-Jabik 10-1-1916 † Emmeloord (sikehûs), weunend te Luttelgeest 26-4-2001; G; met-direkteur Kuiken B.V., produksybedriif fan industry- en lândboumasines te Emmeloord; sn fan Hendrik Beerts Kuiken, graankoopman, loandorser en foerman te St.-Jabik, en Akke Rinzes Huizinga
2 Grietje Andringa
* Achlum 13-2-1920 † Ljouwert (sikehûs), wenjend te Emmeloord 6-2-1951 [] Emmeloord; G;
x It Bilt 28-11-1940 Beert Hendriks Kuiken * St.-Anne 7-11-1910 † Emmeloord 8-3-2003 [] Emmeloord; G; keapman, technikus; mei-direkteur Kuiken B.V., produksjebedriuw fan yndustry- en lânboumasines te Emmeloord; broer fan Renze, sjoch VIII.4.1 hjirboppe
Beert x 2 syn skoansuster Jacoba Andringa
3 Jacoba Andringa
* St.-Jabik 19-5-1921 † Emmeloord 18-4-2015
x It Bilt 23-11-1952 Beert Hendriks Kuiken, har sweager
4 Tjeerd Jans Andringa, folget IX.4
5 Jitske Andringa
(Jick) * St.-Anne 23-1-1925 † Badhoevedorp 30-7-2001; G;6
x It Bilt 9-12-1949 Martin Jan Mulder * Ter Aar, Súd-Hollân, 25-12-1923 † Badhoevedorp 24-6-1994; grifformeard dûmeny te Sprang Capelle, Heerde, Vlaardingen en Badhoevedorp; heechlearaar oan ’e Vrije Universiteit te Amsterdam; sn fan Albertus Martens Mulder, stasjonssjef Nederlânske Spoarwegen, de húshâlding komt 9-8-1912 fan Winterswyk yn St.-Jabik, sûnt 27-2-1924 te Ter Aar (Papenveer C132), sûnt 30-11-1931 te Soeren, en Johanna Hermina Plettenburg
6 Jan Jans Andringa
* St.-Jabik 13-5-1929 † Harns 12-11-2012 [jiske] Tsjummearum, famyljegrêf; G;
7 Hendrika Andringa
(Riek) * St.-Jabik 29-4-1933; G; learares;
x Ljouwert 21-12-1956 Tjeerd de Jong * Hemert, wenjend te Burchwert 1-5-1928 † Aldeholtpea 3-2-2009; G; gymnastyklearaar en skoalledekaan te Ljouwert; sn fan Jelle Tjeerds de Jong, greidboer te Burchwert, en Anna Johannes de Groot

Jan Tseards Andringa en Sytske Jans Offinga
Achterste rige: Co, Tseard, Griet, en Jick.
Foar: Ann, Jan Tseards Andringa, Riek, Sytske Offinga en Jan
Jick, Co, Jan, Ann, Griet, en Tseard Andringa, troch de Koehoalster Andringa’s neamd: de Weeskes.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert

§ De Westhoek

De kop-hals-romp yn ’e Westhoek, noch sûnder de mânske ierdappelloadsen,
omstrings 1981

Sûnt omstrings 1893 buorkje hjir Tseard Jans Andringa en Gryt Jans Postma, sûnt 1925 Jan Tseards en Sytske Offinga; sûnt 1954 Tseard Jans en Sjoeke Struiksma, sûnt 1985 Jan Tseards en Rinske Elsinga.

Ierdappelsette begjin jierren sechstich, yn ’e Westhoek. jeerd Andringa op ‘e trekker en op de poatlorry fan links nei rjochts: Frits Miedema, Sjouke Vogel en Klaas Osinga.
Fotograaf: N.N.; boarne: Bildts Aigene
Ierdappelsette Anno 2018, tusken St.-Anne en Froubuorren. Jan Andringa.
Fotograaf: Nynke Andringa, St.-Anne

Klik foor inhoud >>

VIII.5 Klaas Tjeerds Andringa * St.-Jabik 26-5-1893 † Ljouwert 24-12-1958; G Frijmakke; boer te Holwert oant syn 65ste yn 1958; bestjoerder, û.o. suvelfabryk Betterwird te Dokkum, wetterskip, Kristlike Skoalle Holwert, âlderling Grifformearde tsjerke Holwert, sûnt 1944/’45 idem Frijmakke Grifformeard dêr (wie skorst, tagelyk mei dûmeny A. Kuiper en diaken S. Kooistra);
x Ferwertradiel 8-4-1920 Tjitske Pieters Peterson * Blije 4-10-1897 † Ljouwert 30-6-1987; G Frijmakke; dr fan Pieter Wygers Peterson, rogge- en pelmûner, yn 1884, ’94, ’97 nôtmûner te Blije, en Dieuwke Goffes van Dijk
A348

Klik foor inhoud >>

GENERAASJE IX

IX.1 Trijntje Harmens Andringa (Tryntsje, Tine) * Lyts Aysma op Dyksterhuzen 31-3-1908 † Ljouwert, wenjend te Bitgum, 15-4-2000, 92 jier, [] Bitgum; G;
x Menameradiel 11-5-1944 Christiaan Wytses Spoelstra (Chris) * Hallum 17-4-1915 † Bitgum 18-12-1975, 60 jier, [] Bitgum; gernier en komelker te Bitgum, omdat syn bedriuwke net genôch opsmyt dêr ek grûnwurker; sn fan Wytse Christiaans Spoelstra, arbeider, yn 1915 te Hallum, yn 1917 te Tsjummearum, yn 1918 te Ferwert, yn 1920, ’21 op ’e nij te Hallum, sûnt 20-5-1927 te Menaam (hûsnr 406), sûnt Alde Maaie 1929 te Berltsum (nr 87), sûnt Alde Maaie 1933 te Stiens (Stienzer Hegedyk 52J), sûnt Alde Maaie 1937 te Menaam, letter te Bitgum (hûsnr 287), en Aukje Jelles Braaksma
A346
Bern:
1 Brechtsje Spoelstra
* Bitgum 16-4-1949; ferpleechster Diakonessehûs te Ljouwert
2 Aukje Spoelstra * Bitgum 1-2-1951 † dêr 10-8-2010, 60 jier, [] Bitgum; ûnderwizeres op It Hearrenfean

Christaan Spoelstra en Trijntje Andringa.
Chris hat it troupak liend fan Sybe Gearts Andringa
fan Koehoal,
11 maaie 1944.
Fotograaf: H. Mellema, Ljouwert

Klik foor inhoud >>

IX.2 Sybe Geerts Andringa * Easterbierrum 1-4-1914 † dêr 16-6-1998 [] Easterbierrum; G; bouboer op Koehoal; gemeenteriedslid fan Barradiel foar de A.R.P., sûnt 1980 C.D.A; foarsitter Grûnkeamer fan Fryslân; foarsitter Ruilferkaveling De Bjirmen; sûnt 1981 lid Andringa Wurkgroep, bestjoerslid Andringa Stichting, etc. etc. etc.; 19-11-1976 Ridder yn ’e Oarde fan Oranje Nassau;
Sybe Gearts Andringa skriuwt:
Fan Barradiels ferline, libjen en wurkjen oan ’e seedyk, 1991
Koehoal en de Andringa’s, krapoan hûndert jier buorkjen, 1994
x Ferwerteradiel 11-5-1939, achterneef en nicht, Grietje Werkstra * Hallum 24-5-1916 † Harns (sikehûs), wenjend te Easterbierrum 26-12-1995; G; 1934-1939 help yn ’e bakkerswinkel, sûnt 1939 boerinne op Koehoal; warber op sosjaal en maatskiplik mêd; sûnt 1981 lid Andringa Wurkgroep, bestjoerslid Andringa Stichting; dr fan Jouke Aants Werkstra en Jitske Tjeerds Andringa (sjoch: VII.3.2), bakkers te Hallum
A349
Bern:
1 Geert Andringa, folget X.1
2 Jitske Andringa
* Easterbierrum 18-4-1942 † Ljouwert (sikehûs), wenjend te Goutum 25-2-2009 [] Wurdum; G; ferpleechster;
x Barradiel 14-6-1967 Jacob Kramer (Jaap) * Makassar, Nederlânsk Indië, 27-1-1940; G; wurktúchboukundige; sn fan Dieuwerd Jacobs Kramer, employee skea-ênkêtekommisje te Ljouwert; yndolooch, bestjoersamtner ynlânsk bestjoer te Makassar, Celebes/Sulawesi, Grietje Jans Hellema
3 Lijbrich Andringa (skriuwt harsels: Lybrich) * Easterbierrum 27-9-1943 † Grins (sikehûs), wenjend te Beetstersweach 6-5-2000; G; berneferpleechkundige Diakonessehûs te Ljouwert; yllustratrise; redakteur De Gouden Tiid, orgaan fan de Kristlik Fryske Jongerein fan it Kristlik Frysk Selskip; 1976-1999 meiwurkster Frysk Bûsboekje; skriuwster Stifting Slach by Warns;
x Opsterlân 17-5-1991 Roel Falkena * Snits 10-5-1936 † Beetstersweach 20-2-2021; NH; bistedokter op ’e Sweach; lid Provinsjale Steaten foar de Frysk Nasjonale Partij; yn 1981 mei-foarstapnimmer EFA (European Free Alliance), yn 2007 earelid; foarsitter Stifting Slach by Warns; sn fan Pier Roelofs Falkena, by syn trouwen yn 1933 boer te Diken, en Trijntje Jans Riedstra, greidboeren op ’e Wigledaam oan ’e Toppenhústerdyk ûnder Snits;
Roel Falkena hat earder troud west; yn syn lêste jierren is syn freondinne Lysbeth Drost te Drachten
Sjoch: Roel Falkena
4 Jouke Andringa * Easterbierrum 15-12-1944; ir natuerkunde Technyske Universiteit Eindhoven; dosint wis- en natuerkunde Water Recources Institute yn Dar es Salaam, Tanzania; fjirtjin jier dosint Universiteit Botswana (Pre Entry Science) te Gabarone, Botswana (û.o. ûndersyk sinne-enerzjy); 1997-2000 dosint Universiteit Maputo, Mozambique; G;
x Helmond 1-6-1973 Jacqueline Jacoba Petronella Maria Cox * Vught 4-3-1946; RK; ûnderwizeres; dosint yn ûntwikkelingslannen; dr fan Petrus Johannes Maria Cox, plysjeman, en Barbara Jozephina Bernardina van Deursen
5 Geiske Andringa
* Easterbierrum 4-3-1946; sikefersoarchster, wennet te Dronryp
6 Klaas Evert Andringa, folget X.2
7 Tjitske Andringa, folget X.3

8 Harmen Andringa * Ljouwert, wenjend te Easterbierrum 22-5-1950 † Easterbierrum 18-5-1956
9 Piter Andringa, folget X.4

Sybe Gearts Andringa oan it ploegjen en Ruerd Hoekstra oan it neisykjen, op ’e foarste Lange Trije ûnder Koehoal.
It lân wurdt klearmakke foar tulpebou. Op ’e achtergrûn oan ’e Seedyk binne noch wat seedykshúskes te sjen,
1938
De Ford mei in ierdappelsortearder, op ’e eigen reed nei Koehoal, fuortby it hiem. It liket dat it iepen hok foar ark der al stiet.
Links achter tsjin de Seedyk oan it hûs fan Klaas en Hiske Bonnema,
1939

Klik foor inhoud >>

IX.3 Klaas Evert Andringa * Easterbierrum 13-7-1915 † Emmen (fersoargingstehûs), wenjende Tweede Exloërmond 7-12-1989; bouboer; keapman yn lân- en túnbousied; bedriuwslieder;
x 1 It Bilt, dêr skieden 28-9-1956, Pieternelle Snijder * St.-Anne 21-5-1921 † Ljouwert, wenjend te St.-Anne 2-6-2008; G; hantwurkûnderwizeres; dr fan Wijmer Berends Snijder, lapkekeapman en manufakturier te St.-Anne, en Trijntje Hendrika Gerbens Kuik
x 2 Meppel 18-12-1957 Mintje de Haan * Tsjummearum 8-2-1929 † Emmen, wenjende Tweede Exloërmond 5-1-2008; ferpleechkundige; dr fan Tabe Wiebes de Haan, arbeider te Tsjummearum, en Renske Tijmens Reitsma
A350

Piternelle Snijder en Klaas Evert Andringa,
ferlovingsfoto
Troukaart yn âlde stavering, Klaes wurdt yn 1980 Klaas
Klaas Evert Andringa en Piternelle Snijder.
Rjochts achter: Geart Harmens Andringa
It breidspear yn ’e tilbry, noch lang yn boeregebrûk

Klik foor inhoud >>

IX.4 Tjeerd Jans Andringa * St.-Anne 28-4-1923 † St.-Jabik 26-12-1995; G; bouboer yn ’e Westhoek ûnder St.-Jabik; bestjoerder, û.o. fan Ruilferkaveling Het Bildt;
x Barradiel 12-6-1952 Sjoerdtje Struiksma (Sjoeke) * Tsjummearum 26-12-1925 † St.-Anne 2020; organist; 2002 lid Oarde fan Oranje Nassau; dr fan Jacob Willems Struiksma en Trijntje Hayes Nicolay, bakkers te Tsjummearum en St.-Jabik
Bern:
1 Jan Andringa, folget X.5
2 Trijntje Andringa
(Nynke) * St.-Jabik 9-9-1954; G; bibletekaresse, û.o. te St.-Anne en op It Hearrenfean; inisjatyfnimmer en manager Bildts Dokumintasysintrum; foarsitter Stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij;
x Frjentsjerteradiel 29-10-1975, skieden Ljouwert 12-7-1984, Tjisse Wallendal * St.-Jabik 25-12-1952; manager; keningkeatser; bestjoerder yn keatsrûnten; sn fan Jan Tjisses Wallendal en Grietje Sybes Krol, gerniers te St.-Jabik
Sjoch: Tjisse Wallendal
Nynke w.m. sûnt 1997 Bauke Tuinhof * Minnertsgea 28-5-1953; plysjeamtner te St.-Anne; sn fan Simke Baukes Tuinhof en Geertje Annes Reitsma, gernieren oan ’e Tilledyk te Minnertsgea;
Bauke x 1 Sjoukje Cuperus
3 Sietske Andringa * St.-Jabik 16-11-1957; G; dosint horeka-oplieding yn Nij Seelân; hotel-kafee-restauranthâldster dêr;
x Ossenzijl 20-9-1979, skieden omstrings 1990, Klaas van der Laan * Grins 22-2-1946; sjefkok yn Nij Seelân; sn fan Hendrik Dirk van der Laan, slachter te Ossenzijl, en Tietje Schuurman
4 Charlotte Andringa * St.-Jabik 1-8-1997; Financial Controller, Certified Chartered Controller, Executive Master of Finance and Control te Amsterdam;
x Amsterdam 16-4-1997 Michaël Nicolaas van der Meer * Velsen 4-8-1968; promoveard teolooch (âlde manuskripten en oersettingen Alde Testamint); universitêr dosint Godstsjinst te Amsterdam; sn fan Nicolaas van der Meer, timmerman, en Janna Sauer, pianiste
5 Jacob Augustinus Andringa, folget X.6

Klik foor inhoud >>

GENERAASJE X

X.1 Geert Andringa * Easterbierrum 18-9-1940; sûnt 1976 bouboer op Koehoal; lânboukundige;
x Snits 25-7-1968 Pietertje Beuckens (Pytsje) * Skearnegoutum 29-11-1943; leanadministrateur; dr fan Robijn Joukes Beuckens en Geertje Tjitzes Baarda, greidboeren te Snits en Skearnegoutum
Bern:
1 Sybe Geert Andringa, folget XI.1
2 Robijn Jouke Andringa
3 Harmen Reinder Andringa, folget XI.2
4 Geertje Hester Andringa

X.2 Klaas Evert Andringa * Easterbierrum 28-5-1947; bouboer op Koehoal yn maatskip mei syn heit en broer Geart, 1983-2014 oan ’e Hoarnestreek ûnder Minnertsgea, sûnt 2014 wenjend yn Minnertsgea; foarsitter Ald Barradiel, âldheidkundige feriening Barradiel
x Menameradiel 22-11-1974 Ytsje Gerbrandy * Snits 30-10-1950; trou-amtner; beukerliedster; learares hantfeardigens; dr fan Marten Gerbrandy en Sjoerdtje de Jong, greidboeren
Bern:
1 Sibe Andringa, folget XI.4
2 Marten Andringa, folget XI.5
3 Geert Andringa, folget XI.6
4 Sietse Andringa, folget XI.7

X.3 Tjitske Andringa (Tsjikke) * Easterbierrum 19-7-1948; learares hantfeardigens en tekstile wurkfoarmen; koördinator ûnderwiisgebiet; ûnderwizeres, û.o. te Seisbierrum; sûnt 1981 lid Andringa Wurkgroep; idem skriuwer, ûndersiker en argyfbehearder Andringa Stichting; einredakteur Andringa Staach Nijs en fan ’e Ingelsktalige brieven dêrby; skriuwer fan: Grytsje Andringa-Werkstra – In boek oer mem; twatalich; eigen behear, Feanwâlden, 2019
x Baflo 4-9-1985 Hilbert Haar * Zuidwolde 21-5-1950; technysk amtner PTT-Telecom; befeiligingsmeiwurker KPN; sn fan Jan Haar, meiwurker gasbedriuw, en Aaltien Haar
Bern, achternamme by Keninklik Beslút 1-5-1996 fan Haar wizige yn Andringa:
1 Sygrit Andringa
2 Kirsten Andringa

Tsjikke Andringa skriuwt in boek oer har kreative mem Grytsje Andringa-Werkstra, in twatalige libbene biografy mei gâns foto’s; foarmjûn troch har broer Piter.

§ Grytsje Andringa-Werkstra – In boek oer mem

Titelside
Achterkant

X.4 Piter Andringa * Easterbierrum 15-8-1955; grafysk foarmjouwer; redakteur Bûsboekje;
w.m. Wurdum 1-8-1996; x Ljouwert 6-7-1999 Yvonne Caroline de Booij * Dordrecht 20-4-1959; beukerliedster; dr fan Johannes Cornelis de Booij, 1ste stjoerman Keapfeardij, en Catharina Blom;
Yvonne x 1, skieden, Joel Müller
Bern:
1 Iliane Grytsje Andringa

X.5 Jan Tjeerds Andringa * Minnertsgea 1-5-1953; G; bouboer yn ’e Westhoek ûnder St.-Jabik;
x Barradiel 13-12-1974 Rinske Elsinga * Minnertsgea 7-5-1954; G; dr fan Gerrit Martinus Elsinga en Trijntje Gerbens Idsinga
Bern:
1 Tjeerd Andringa, folget XI.8
2 Gerrit Andringa, folget XI.9
3 Christina Andringa

4 Sjoerd Jan Andringa, folget XI.10

Jan Andringa en Rinske Elsinga
Bouboeren Rinske Elsinga en Jan Tjeerds Andringa
Jan Andringa en Rinske Elsinga
De rjappelloadsen
Bildstars en Eigenheimers

Bildtstars en Eigenheimers is een foto- en verhalenroute langs de Waddenkust, voorbij reusachtige portretfoto’s van aardappelboeren midden in het landschap. Zo krijgen de boeren en hun families een gezicht. Welk verhaal willen zíj vertellen over het land dat zij bewerken? Over hun cultuur en hun leven? Bekijk de Waddenkust door de ogen van de lokale aardappelboer aan de hand van portretten in beeld in geluid.

X.6 Jacob Augustinus Andringa * Easterbierrum 12-4-1966; kok;
w.m. Purmerend 1994 Catherine Margaret Redmond * Dublin, Ierlân, 20-4-1967; dûnslearares Ierske Folksdûns; dr fan Liam Redmond, monteur, en Cora Wall
Bern:
1 Ciara Lotte Andringa
2 Callum Jelmer Aaron Andringa