Home » Famyljes » Andringa » Andringa Kronyk

Kronyk Andringa

Kronykskriuwer
Jan Tsjeards Andringa

Yn in koarte kronyk hat Jan Tjeerds Andringa (nr VIII.4 yn Genealogy Andringa) begjin jierren fyftich in famyljeskiednis beskreaun omfiemjend de generaasjes V-IX yn dit laach; de persoanen dy’t dêryn foarkomme, binne te finen yn boppeneamde stambeam. Jan Tsjeards syn sibbe Siebe Harmens Andringa (VIII.1.2) hat dy kronyk oerskreaun en yn dy syn hânskrift is dy hjir pleatst, men kin dêr yn trochblêdzje. Dêr komme noch oantekeningen by.
Yn it Andringaboek diel 1 stean fragminten út dit ferhaal ûnder de kop Het verhaal van omke Jan, mei in taljochting fan Sybe Geerts Andringa (IX.2), op side 316-318.