Kronyk Bakker (Bûtenpost)
Wat zullen wij dan tot deze dingen zeggen? Rom 8 : 31.
Je mag wel bang zijn, maar niet laf, dat seit fersetsstrider Popke Bakker tsjin syn jongere broer Albert yn dy syn twifelriedigens. Dat is ek de titel fan it boek fan Toni Boumans oer de De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker, dat yn 2021 ferskynde.
Dizze kronyk kin tsjinje as hâldfêst en oanfulling. Yn gearwurking mei de auteur wurdt ferwiisd nei Je mag wel bang zijn, mei dêrby opjefte fan it (earste oanbelangjende) paginanûmer, lykas B113 (=Bakker side 113).
De Genealogy Bakker, dêr’t de famylje fan Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Durks Althuisius sintraal stiet, kin tsjinje as kapstôk, allyksa by it boek. Klik yn dizze kronyk op de foarnamme om de persoan te finen yn dy genealogy.
It doel is om sawol dy Genealogy Bakker as de Kronyk Bakker beide ôfsûnderlik op dizze webside yn it Ingelsk ferskine te litten. Dat is wurk yn útfiering, no steane beide noch ferweve.
De earste generaasjes fan dizze Bakkers binne Minnist of Doopsgesind. Yn Balk, dêr’t de trije earst bekende stagen tahâlde, hâlden de saneamde Fine Minnisten ta. Doopsgesind kin tsjutte op de mear frijsinnige lear.
Sûnt Popke Sjoerds (VI) him oerjûch oan ’e otterdoksy, binne de Bakkers Grifformeard, ‘mei in sterk moreel kompas’, seit Toni Boumans. Yn ’e Twadde Wrâldoarloch wurdt troch ien fan ’e SD oppere dat de Bakkers in Privatkrieg tsjin de nazi’s fiere. Se sille dat djoer bekeapje.
Fan ’e njoggen bern fan Miente Bakker en Mine van der Schaaf binne fjouwer jonges homoseksueel, yn in fijannige weareld. Dat se ha sadwaande mei in twadde striid te kampen.
Neef Sjoerd tinkt midden 1943 dat er de oarloch net oerlibje sil. Hy freget syn bruorren Popke en Albert en syn mei-fersetsstriidster Lau Mazirel om nei de befrijing derfan te tsjûgjen dat de homoseksuele mins net ien fan neat is, mar krigel, ûnferslein wêze kin.
Hooplik draacht dit epistel oan dat boadskip by.
Tineke Haagen-Bakker (VIII.10), healsuske fan Sjoerd-en-dy, is in oerfloedige boarne foar ynformaasje oer de famylje út de earste hân. Fan ’e foto-albums fan deselde is folop gebrûk makke; dat makket dat dizze genealogy ek it karakter krijt fan in beskildere famylje-album. Yn dat ramt kinne jo foto’s, oantinkens yn ’e foarm fan in paragraafke (§) of in persoanlike noat, in oanwinst wêze. Dat jildt ek foar mear skiedkundige hâldfêsten en ferbetteringen fansels.
Dat betsjut mei-inoar histoarje skriuwe, yn ’t algemien belang.
Yn 1969 hat Lammert Bakker (VIII.8) argyfmateriaal skonken oan ûnderskreaune; dat erfgoed is opnommen yn ’e Kolleksje Bakker-van der Schaaf yn it argyf fan Erfgoed Fundaasje. Foto’s dêrút binne yn dit oersjoch pleatst.
Lammert en ik ha letter bepraat dat ik Lammert syn oantinkens in kear op papier sette soe. Dat is dan no safier, de oantekeningen datoangeande binne yn dit stik ferwurke.
Undersyk en tekst: Goasse Doekeles Brouwer
Dit is wurk yn útfiering. Sjoch oer ús wurkwize: Oer ús.
Dit projekt komt ta stân mei stipe fan ’e Provinsje Fryslân.
Ynhald
- Generaasje I – IV
- Generaasje V
- Generaasje VI
- Generaasje VII
- Tsjerkeboartsje – Bloedserieuze boarterij
- Jeltingahûs – Sûnt 1914 it Bakkershonk
- Wat is yn in namme – Ferneaming en betsjutting
- Mient nimt de mjitte neffens smaak – Mient mei-direkteur P.S. Bakker
- Mine-mem – En de frede fan dyn bern sil grut wêze
- Fersille sielen – Himelse Mine lit Mient mei njoggen bern op ierde
- Portret – It byld giet mei fan stee ta stee
- Golhertich en hurd – Thúskomme fan ’e kâlde kant
- Homo- en biseksualiteit – In ûnferstelbere reade famyljetried
- Allegear in poalis yn ’e bûse – Mient fersekeret syn sibben
- Unwrikber solidêr – De oanhinklikens fan ’e bern, dit giet noait oer
- Opluchte – Koartswyl en krankjoarimigens
- Generaasje VIII
- Generaasje IX
- Generaasje X
De earste trije bekende generaasjes
Sjoch foar de Generaasjes I-IV: Bakker (Bûtenpost) genealogy – Erfgoed Fundaasje (erfgoed-fundaasje.nl)
IN KWEADE STREEP
As Popke Sjoerds 56 jier is, wurdt beskuldige fan in kweade streek: falsk ytgjen fan in bûterfet.
Beschuldigd van het ijken/van een vierde botervat met/Vriesland D.W.1, 1855,/vervaardigd van hout/waarin kwade streep/aanwezig was; weswege/hij is gedagvaard by deur/waarders exploit van 21/Febr.
Als boven: Vonnis bepaald op 15 Mei.
It fûnis stiet der net by; as Popke al kweadogger is, sil it mei in boete beslikke west ha.
Generaasje V: Sjoerd Popkes Bakker
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius
Sjoerd Popkes Bakker en Pitertsje Spaan binne yn ’e midden fan ’e 19e iuw de earsten fan dit laach te Langwar
en de earste tsien bernsbern wurde hjir berne.
Tekening: J. Gardenier Visscher, J. Bulthuis en K.F. Bendorp
foaroan rjochts De Drie Zwaantjes
dêr’t Popke Bakker en Pitertsje Spaan
sa’n hûndert jier earder kastlein binne.
OA
Generaasje VI
FEARTSJINST
Albert hat mei syn broer Popke in feartsjinst fan Langwar op De Jouwer, Snits en Ljouwert; yn 1880 komt foar it fearskip de stoomboat De Eendracht I yn ’e feart, de boat wurdt troch in hele smite Langwarders feestlik út Grins nei Langwar fearn.
As Popke nei Bûtenpost ferfart, krijt Albert as kompanjon syn sweager Pieter Hoekstra; letter nimme Albert syn soannen Sjoerd, Sipke en Popke it affearen oer.
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius
Dieuwke Dirks Althuisius.
Foto: Stamboom Bakker-Althuisius
SWIER
Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Durks Althuisius krije ferkearing, geastlik en fleislik. Popke is grou, frijsinnich, Dieuwke fyn, otterdoks. Popke is Nederlâns Herfoarmd en yn ’e libbenspraktyk de frije kant oer: de kastleinsjonges Bakker gean op yn it wearelds libbensfermaak, se komme yn ’e herberch koartswilich út ’e hoeke, hawwe de lakers op har hân en spylje sels toniel. Dieuwke is wol yn ’e wrâld, mar net fan ’e wrâld. Se is fan ’e Ofskieding, swier op ’e hân en letterlik en figuerlik ôfskaat fan dat frivoale dêr’t Popke him mei fermakket. Dieuwke har deistige kost binne de bibelteksten, tonielspylje is út de Boaze.
Dieuwke rekket swier en wol harsels fan kant meitsje. As se ûnderweis by it wachthúske fan ’e hynstebus binne, betroud se dat Popke ta.
Popke seit: Dieuwke gean ris mei de rêch tsjin de muorre oan stean.
Dieuwke docht it.
Doch no in stap achterút.
Dat kin net Popke.
Dat kin net nee, stilstean hat gjin sin, dêrom foarút.
Dat docht dy rjochtlinige en rjochtfeardige Dieuwke, oant har ferstjerren ta, mei 80 jier. Se komt dan út tsjerke wei, stapt de salon op Jeltingahûs yn, en seit: Wat wie dat in moaie preek. Se siicht op ’e flier del en fertiget.
B17
Dit ferhaal fan de rêch en de muorre komt ek yn oare farianten foar, dan spilet it him betiden ôf op gewijde grûn, by de tsjerkemuorre bygelyks. En allyksa by oare famyljes op oare plakken, lykas by Hette Hettema en Anne van der Meer te Bitgum.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Dat de lju yn tsjerke ferantwurding ôflizze moasten, dêr hat ús heit behoarlik tsjin iggewearre. Hy makket mei dat in dûmeny dy’t derop geilt by it foarferhoar yn it konsistoar oan de jongfeint freget: ‘Hoe vaak hebben jullie het gedaan?’
Dêr’t de jonge op laket: ‘Oan ien drip ha guonnent genôch.’’’
Sjoch:
–Grou/frijsinnich,
–Fyn/ortodoks
–Ofskieding/Kristlik Grifformeard
–Skande, skande, sûnde, sûnde.
BLIJMOEDICH EN RJOCHTLINICH
As Popke Sjoerds mei Dieuwke Althuisius de lange hier yngiet, wurdt er fan Herfoarme Grifformeard – blijmoedich grifformeard.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Ja, de Bakkers binne oer it generaal blij kristen. Apart, dat erft blykber oer. Hjir yn Bûtenpost wenne in achterneef Popke Bakker en dy wie dat earste; en wy hienen hjir yn dyselde snoarje in Althuisius en dy wie sa rjochtlinich as ’t mar kin, mar tagelyk rjochtfeardich, lykas beppe Dieuwke.
Us heit wie ek in blijmoedich man. By al syn ferliezen frege er noait: Wêrom? Mar: Wêrta? It earste set je fêst, want je sille hjir gjin antwurd krije, by it twadde kinne je fierderop.
By it trouwen fan Dieuwke wurdt se mei Flip Hoedemaker Herfoarmd. Us heit wurdt frege: ‘‘Hoe kinne jo dat goed fine?’’ ‘‘It leauwen is gjin tastân fan regeltsjes’’, seit heit, ‘‘Dieuwke leaut!’’
Doe’t ús Jeannet geboaren waard sei moeder: ‘‘Soli Deo Gloria, ze lijkt op vader.’’ Dêr bedoelde se mei dat se rjochtstreekse bliermoedigens yn it poppegesicht seach, no ja.
Doe’t ik yn skieding lei sei vader: ‘Ook daarin kun je christen zijn. Verhaal het niet op je schoonouders.’ Dat ha ik yn ’e bûse stutsen.’’
Yn 1923 wurdt oan ’e eastkant in nije sydfleugel boud
en komme der kreakes yn.
Hjir gongen gâns Bakkers op nei Sion. Hjir binne se doopt, troud en útdroegen, hjir wienen de manlju tsjerkeriedslid.
Hjir wienen se jildsjitter.
OA
IZERSTERK
Popke is izersterk, yn ’t geloof, mar hy hat ek wat yn ’e bouten. Hy tilt sa in baal sûker fan 100 kilo de souder op. As in kear in hynder mei ien skonk troch in putdeksel trapet en fêstsit, lûkt Popke mei de bleate hân it izer fansiden en is it hynder rêden. As in ko net út in djippe groppe komme kin, set Popke de brede skouders derûnder en klear is ’t.
IN KNOARRE JILD
Popke Sjoerds hannelet yn ûnreplik guod as er de krudenierderijen, drogistenegoasje en moadesaken mear en mear oerlit oan acht fan syn njoggen soannen. Foar dy tiid hat er soks ek al wat by de ein, syn earste keap fan grûn docht er sa’t liket as er 22 jier is.
Hy hat niget oan keap en ferkeap fan fêstguod yn ’e Wâlden en fertsjinnet dêr in knoarre jild mei, hjir in mannich eksimpels:
Keap
-20-12-1875: in hoekje grûn te Langwar; ferkeaper: Jonker Rijnhard de Beaufort te Maarsseveen; keapsom: f 540,00; notaris: Jelle Zijlstra te Langwar; Repertoire 074068;
-26-5-1876: in hoeke grûn te Langwar; ferkeaper: as boppe; keapsom: f 546,00; notaris: idem;
-12-10-1897: hûs en hiem; ferkeaper: Jitse feenstra te Mitselwier; keapsom: f 1.712,00; notaris: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; Repertoire: 024095;
-15-11-1905: hûs en hiem; ferkeaper: Jan Spoelstra te Twizel; keapsom: f 950,00; notaris: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; Repertoire: 024102;
-5-4-1911: ôfbraak fan opstal fan it bûten Haersma State te Bûtenpost; ferkeaper: Hendrik Smids te Hurdegaryp; keapsom: f 2.559,00; notaris: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
Popke Sjoerds makket dizze state mei de grûn gelyk,
mar hy soarget derfoar dat it Jeltingahûs stean bliuwt
en dêr sille hy en Dieuwke, har bern en bernsbern
in soad wille oan beleve, en letter de gehele mienskip
-1-2-1911: greide út in pleats te Bûtenpost; ferkeaper: Pieter Tuinman te Bûtenpost; keapsom: f 3.353,00; notaris: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; aktenr: 00025;
-3-3-1913: ûnreplik guod te Bûtenpost; ferkeaper: Pieter Tuinman te Bûtenpost; keapsom: f 2.861,00; notaris: as boppe; Repertoire: 024114; aktenr: 00044;
-1-12-1913: fjouwer stikken fergroeven lân yn ’e Harkema-Opein; ferkeaper: Durk Durks Kuipers, heareboer te Bûtenpost op Jeltingahûs; keapsom: f 663,00; notaris: Anthony Marinus Harterink te Stiensgea; Repertoire: 006107; aktenr: 06264;
-2-4-1914: ûnreplik guod te Bûtenpost; ferkeaper: Hendrik Willem Hellema, notaris te Damwâld; keapsom: f 5.661,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114; aktenr: 00060;
-9-4-1914: foar ôfbraak: Jetingahûs mei tún, hôf, hiem en grûn; ferkeaper: Elsje Diderica Hellema, troud mei Titus Marius ten Berge te Warkum; keapsom: f 3.063,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 006107;
-17-10-1914: ferkeap fan lânbougrûn yn ’e Harkema-Opein; ûnderskate ferkeapers; keapsom: f 360,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-2-11-1914: perselen grûn te Bûtenpost; ferkeaper: Albert Velding te Bûtenpost; keapsom: f 10.700,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-7-10-1916: hûs en grûn yn ’e Harkema-Opein; ferkeaper: Auke Pitstra yn ’e Harkema; keapsom: f 550,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 006127;
-25-4-1916: hûs, hiem en grûn te Surhústerfean; ferkeaper: Melle Jans Veenstra te Stiensgea; keapsom: f 4.487,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024117.
Ferkeap
-26-12-1882: in part fan in hûs, weinhûs en hiem; keaper: Bouwe Jolles Dijkstra te Diken; keapsom: f 300,00; notaris: Jelle Zijlstra te Langwar; Repertoire: 074068;
-11-7-1893: in keamer yn in hûs en in weinhûs mei hiem te Langwar; keaper: syn broer Lammert Sjoerds Bakker te Langwar; keapsom: f 2.500,00; notaris: Jelle Zijlstra te Wommels; Repertoire: 140088;
-21-5-1894: perseel bouterrein; keaper: Gerhardus Reinink te Bûtenpost; keapsom: f 1.250,00; notaris: Gerrit de Jong Posthumus te Bûtenpost; Repertoire: 024095;
-11-1-1896: in hûs mei hiem; keaper: Johannes Huizinga te Bûtenpost; keapsom: f 2.225,00; notaris: as boppe;
-10-3-1914: lânbougrûn te Bûtenpost; keapsom: f 965,00; ferkeaper: Wiebe Hazenberg te Bûtenpost; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-17-10-1914: lânbougrûn yn ’e Harkema-Opein; ûnderskate ferkeapers; keapsom: f 360,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-2-11-1914: perselen grûn te Bûtenpost; ferkeaper: Albert Velding te Bûtenpost; keapsom: f 10.700,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-30-1-1915: hûs, hiem en grûn te Stiensgea; keaper: Herman Pieters Bouius te Stiensgea; keapsom: f 3.600,00; notaris: Anthony Marinus Harterink te Stiensgea; Repertoire: 006107;
-10-12-1915; boargerhûs mei hiem en grûn; keaper: Roel Klazes Zijlstra te Drachtster Kompenije; keapsom: f 5.050,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114;
-7-10-1916: hûs en grûn yn ’e Harkema-Opein; ferkeaper: Auke Pitstra yn ’e Harkema; keapsom: f 550,00; notaris: Herman Theodorus Sickler te Bûtenpost; Repertoire: 006127;
-16-12-1919: de famylje fan Popke Sjoerds ferkeapet lân te Bûtenpost oan seis ûnderskate keapers; totale keapsom: f 9.918,00; notaris: Anthony Marinus Harterink te Stiensgea; Repertoire: 006127; aktenr: 01330.
Popke Sjoerds as skuldeasker
29-5-1895: skuldner: Gerhardus Heinink te Bûtenpost; skuld: f 1.000,00; notaris: Gerrit de Jong Posthumus te Bûtenpost; Repertoire 024095;
-5-9-1910: skuldner: Jan Ottens te Bûtenpost; skuld: f 300,00; notrais: Herman Theodorus Stickler te Bûtenpost; Repertoire: 024114
Popke Sjoerds as skuldner
13-8-1897: skuldeasker: Sjoerd Idzerda te Huzum; skuld: f 1.000,00; notaris: Andries Andringa te Ljouwert; Repertoire: 079123.
B29
De Spiegel, blêd foar de gehele húshâlding, is modern foar dy tiid troch de rynske yllustraasjes en aktuele wrâldbespegelingen.
(Boarne yllustraasje: Mattie Bruining-Hoeksma)
Generaasje VII
yn 1883 komt der in deaberne jonkje en de earste Neeltsje fan 1890 wurdt twa moanne.
Fan links nei rjochts, boppeste rige: Wieke, Mient, Durkje, Albert en Idske;
middelste rige: Durk, Afke, Sjoerd, mem, heit, Pyt en Lammert;
ûnderste rige: Sikke, Bram, Paul en Neeltsje
Pyt Bakker, string en prinsipieel; hat lêst fan rimmetyk, is krebintich en hat in soad lêst. Se sjocht ta op ’e foarderingen fan har muoikesizzers: se helpt by it húswurk en oerheart. B49
Har oare haadsaak is it fabrisearen fan huodden foar P.S. Bakker, se is dêrneist kommissaris fan ’e firma. Opmerlik foar in frou yn dy tiid.
dêr’t Pyt Bakker regeart.
OA
Foto: Erfgoed Fundaasje
Ids Bakker, in gesellige tante, op har draait de húshâlding. B50
Se libbet o sa mei. Se seit in kear tsjin Mient, yn al syn bepriuwingen: ‘Och jonge, ast mar wilskrêft hiest.’
Mient: ‘Ids, at ik wilskrêft hie, hie ’k allang dea west.’
OA
N.V. Handelsvereeniging P.S. Bakker oprjochte.
Direkteuren binne de fjouwer soannen Durk Miente, Miente, Lammert en Sikke.
Leeuwarder Courant, 25-11-1918
P.S. Bakker nimt de romte op ’e advertinsjeside.
Provinciale Drentsche en Asser Courant,
22-3-1919
en Asser Courant,
6-5-1919
en Asser Courant,
6-6-1919
27-3-1919
10-9-1919
Tæke Bakker spilet in rol yn it Ljouwerter ferset mei de Oerfal op ’e gefangenis; ien fan ’e bruorren Wierda, Egbert Mark, sliept by har as der op 8 april 1945 in razzia komt; de jonge flechtet yn pyjama en oerjas de dyk op en wurdt arresteard.
TSJERKEBOARTSJE
Tsjerkegong is in fanselssprekkend, nee fûneminteel elemint yn it otterdoks-kalvinistysk bestean. Dieuwke Althusius har lêste sucht giet oer de preek dy’t se krekt yn har delgean litten hat. Sjoch: § SWIER
Dieuwke hat trouwens ûnder har hûnderten foarâlden yn ’e 17de en 18de iu gelukkich twa dûmenys: Johannes Althuisius yn ’e Gaastmar en syn heit Johannes Althuisius te Dearsum, sjoch: Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius, nrs 64 en 128. Alle oaren koenen net fierderleare foar dûmeny fanwegen jilldgebrek, net oars.
Yn ’e advertinsje hjirboppe wurdt memoreard dat Dieuwke har fromme soan Hindrik Bakker in oere nei syn lêste tsjerkegong opgiet.
It sit djip
Otterdokse kalvinistyske berntsjes meie graach tsjerkeboartsje. Allegear lytse dûmenys yn spee. Sa ek de Bakkerkes anneks de Brouwerkes. De geskiktste opsprekker beklimt in pear opsteapele ierdappelkistjes dy’t tsjinje as de houten broek en hâldt in preek dêr’t mannich predikant net oan takomt. Syn gehoar sjongt de 150 psalmen en de tolve Eenige Gezangen út folle boartskes en it bidt sa deemoedich dat de âlden dy’t om ’e hoeke kypje harsels fergrieme.
Ek begraffenisssen wurde plechtich yn it deaserieuze wurk opnommen. It lykje – in deafûn fûgeltsje, in opblaasde kikkert of noch better in rûkende kroandeade siperse swerfkat fan dagen lyn – wurdt op sachte wite watten delflijd yn it swart bewurke kartonnen kistke. Soms ek noch mei in moai selsmakke roukrânske derop, wat oars net des femilys is: blommen by begraffenissen wolle net, mar dit is bernewurk. In pipermuntsje moat de bern dan ek ûntbrekke, mar mei staasje wurdt it bistke biddendewei yn it grûven kûltsje oan de ierde tabetroud. De buorlju kinne der tsjûge fan wêze, se ha in dei foar de lykbesoarging yn bernehanskrift in wiere roubrief taskikt krigen.
It sit djip, dat it komt der wer út
Albert Bakker (VIII.5) kin it likemin litte as er as jongfeint de befrijing fiert, yn ’t kantoar fan Vrij Nederland op ’e tafel springt en yn koart bestek in freugdefolle preek oanfangt.
Dy fassinaasje spilet ek Lammert Bakker (VIII.8) parten as er yn Kafee Reynders te Amsterdam boppe-op ’e taap steand fleskwurden karikatueren fan salvjende foargongers spilet en lallende stamgasten op syn hân hat.
JELTINGAHÛS
Op 9-4-1914 keapet Popke Bakker Jeltingahûs mei tún, hôf, hiem en grûn foar ôfbraak. De lêste bewenner fan dat hearehûs is Antje Louws Sikkama (* Bûtenpost 15-2-1848 † dêr 16-6-1913, 65 jier), widdo fan Jacob Durks Kuipers * Bûtenpost 2-6-1841 † dêr 19-9-1906, 65 jier), heareboerinne en -boer te Bûtenpost. Hja en har man litte de filla yn 1877 sette mei koetshûs en stâlen. Antsje wol by testamint ha dat it hûs – dan neamd it Kuipersslot – nei har ferstjerren ôfbrutsen wurdt. Sy en har man hawwe gjin bern en har man hat deilis mei notabelen út it doarp. Mar ôfbraak griist Popke oan en hy komt der ûnderút trochdat de ôfbraakdatum net fêststeld is, giet it ferhaal. Mar yn ’e keapakte fan 9 april 1914 wurdt wol in uterste datum steld: 15 september 1914. Lykwols, nimme de erfgenamten Kuipers nei famyljeberie it beslút dat dêroan gjin gefolch jûn hoecht te wurden, sadat Popke Bakker derûnderút kin.
Hy keapet it hûs en hoarnleger fan Antsje har muoikesizzer Elsje Diderica Hellema en dy giet dus mei it net-ôfbrekken akkoart. Elsje is in dochter fan Voske Kuipers en Willem Hellema, fan 1869 oant 1877 boargemaster fan Achtkarspelen, foarrinner fan Pier Eringa. Voske is in suster fan Jacob Kuipers.
Nei dit begoedige slachte fan houtkeapers en eigenerfde boeren is de Kuiperswei neamd.
Yn ’e keapakte fan 9 april 1914 wurdt de keapsom neamd fan f 3.063,00; in oare boarne jout op dat Popke alles mei-inoar foar f 12.491,00 keapet – de perselen en grûn oan ’e Stasjonswei foar f 10.700,00 en it hûs en de Kûpel (dy’t earder yn ’e tún fan Haersma State stie) foar f 1.791,00.
Foto: Stichting Oud Achtkarspelen
OA
OA
Pier Eringa ferkeapet it yn 1959 oan ’e Gemeente Achtkarspelen en sûnt 1961 is it Gemeentehûs.
Links achter yn it eardere appel, parre- en beiehôf de nijbou fan it Gemeentekantoar.
Foto: Rijksmonumenten
Sjoch:
–Jeltingahûs
–Antje Louws Sikkama
–Willem Hellema
–Genealogy Hellema VI.6
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje
BS
Mient en Mine komme yn ’e Skrâns te Huzum yn ’e kunde by Mient syn broer Sjoerd Popkes Bakker en Mine har broer Doekele Durks van der Schaaf, de earste keapman yn moade, de twadde ierdappelhanneler, en beide grifformeard âlderling.
WAT IS YN IN NAMME
Miente wurdt meast yn famyljerfermidden Mient neamd. De namme komt fan Dominicus, dat is: ‘De Heare tabehearrende’, of: ‘Berne op ’e Dei des Hearen’. Dat lêste is by Miente net it gefal, hy is geboaren op in tongersdei. Miente Popkes Bakker is neamd nei syn omke Miente Durks Althuisius, dy’t achttjin jier wurdt.
De namme is ûnder de foarâlden oan no ta tebektraseard oant midden 16e iu, sjoch: Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius. 2/3.2 en fierder.
Trijntje komt fan Catharina, dat giet werom op it Grykske katharos, dat ‘rein, suver‘ betsjut; of op it Syryske kéthar, ‘kroan’.
Flaainammen foar Tryntsje binne: Nynke, Nine en Mine. Mine is ferneamd nei har muoike Trijntje Arjens van der Schaaf, sjoch: Uttreksel Stambeam Van der Schaaf, VIII.7.
Trijntje wie in heale iu lyn in populêre namme; neffens in nammeûndersyk yn Nederlân út 1947 stiet de namme dan op it trettjinde plak. Oarsaken fan tebekgong: ferneamen rekket út ’e moade en Tryntsje wurdt besjoen as ordinêr; Tine foldocht ek net mear, Tiny hâldt it likemin út.
Sjoch foar ferneaming in greep út Mine har foarâlden mei de namme Trijn: Forebears of Dirk Gerbens Brouwer, nûmers 12/13g, 25, 27, 52/53f, 107, 109, 124, 195, 1239, 1243.
Jeannette is fansels in rib út it liif fan Jan > Johannes > Hebriusk: Johanan, Jahweh is genedich.
Jeannette is ferneamd nei har pake Jan Melles Fenenga 1820-1894 x Maaike Eltjes Visser 1822-1908. As heit Gerrit Hendriks Steen op it gemeentehûs stiet, seit er tsjin de amtner: ‘Se sil neamd wurde nei ús heit. Mar Jantje liket my net sa goed ta.
‘Jeannette dan?’ opperet de amtner. En dat wurdt it.
Jan Melles Feninga syn namme hat er skipe fia en fan > Melle Jans Fenenga x Johanna Edzards Leensma > Jan Melles Fenenga 1764-1808 x Janneke Willems Ritsma > Melle Ruurds Fenenga 1741-1810 x 1764 Betje Jans Kuiper 1736-1810 > Jan Tomas Kuiper x Tjeerdje Tjeerdsen > Tomas Luitjens 1665 x Teetjen Edzards > Luijtien Jansen x Heijle Thomas.
Dochter Tineke – Trijntje Janneke – is neamd nei har beppe Trijntje Fenenga en dy har suster Janneke.
Tante Janneke is neamd nei har muoike Janneke Melles Fenenga ek neamd Janke, * Skiermuontseach 17-3-1822 † dêr 18-4-1900, 78 jier; winkelfrou (hûsnr 29K, Langestreek A27); dr fan Melle Jans Fenenga en Johanna Edzards Leensma, boeren op Skiermuontseach.
Janneke x Skier 25-1-1846, 26 en 23 jier, achternicht en -neef, Eltje Eltjes Visser * Skiermuontseach 13-9-1819 † wierskynlik ferdronken by Denemarken 1855, 35 jier, [seemansgrêf yn ’e weagen fan ’e Noardsee]; seeman, reder en kaptein op de kof ‘Trijntje’ (82 ton, boujier 1849); Eltje fart yn 1855 mei it kofskip ‘De Vrouw Janneke’ fan Tonnegen oan ’e Eider mei bestimming Amsterdam, mar besylt dy haven net en der komt gjin tynge (berjocht: Algemeene staat der Nederlandsche zeemagt, en koopvaardij-vloot); sn fan Eltje Jacobs Visser, skipper en seeman, en Trijntje Ruurds Fenenga.
Janneke is grif neamd nei har beppe Janneke Willems Ritsma * Skier 1767 † omstrings 1795; x Jan Melles Fenenga * Skier 1765 † dêr 1808, kuper, timmerman en arbeider > oeroerbeppe fan memmeskant: Janneke Pieters Carst (ek: Jancke) * Skier omstrings 1713 † dêr omstrings 1800, wennet oan ’e Nije Langestreek; x Lammert Harmens Drayer * Skier omstrings 1714 † dêr omstrings 1790.
Nette
Yn har neiste famyljerûnte wurdt Jeannette Nette neamd.
As Mient it mei har mient, seit er in kear: ‘Hoe stietst ynskreaun?’
Nette seit: ‘As Jeannette.’
‘Dan neam ik dy tenei Jeannette. Nette fyn ’k niks.’
Greetje en Albert: Margaretha Albertina
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Albert en Greetje hawwe sels gjin bern, mar se binne der sljocht mei. As ús Peter noch in lytse poppe is en wy mei fakânsje gean, sille Albert en Greetje op Peter passe. Se binne yn ’e wolken. Se heine har wolk oan alle einen en kanten, sûnderdat se ek mar wat ferstân yn dit stik fan saken ha. Se binne alhelendal mei it popke besteld.
Bauk har jierdei sil fierd wurde, mar dêr kinne se beslist net hinne want Peter is by har útfanhûs. ‘Nim dy dan mei,‘ seit Bauk. Dat is útsluten.
As ik Peter wer ophelje, is Greetje grien om ’e holle, ik ha it noch noait sa sjoen, werkelik grien. Fan ûntsetting, dat se Peter misse sille.
Op ’e weromreis fiel ik my in ôfgryslik wreed minskebern. Ik nim my foar om har te ferneamen, as dat kin. Us earste dochter moat nei moeder neamd wurde, skoanmem hoegde net ferneamd te wurden; de twadde neam ik dan nei Greetje en Albert: Margaretha Albertina. Greetje draacht Greetje by de doop yn. Wêr is Albert? Dy stiet alderhande Bûtenposters te ferkundigjen dat Greetje en hy ferneamd binne.
By de Bakkers is it oars tradysje dat in geboarteleppel skonken wurdt, mar Greetje en Albert kieze foar in sulveren leppel-en-foarke. Albert opperet: ‘Vernoemen is wel duur werk hoor!’
Brammetje = Miente
Miente Bram (IX.26) fan Bram wurdt Bram neamd, of Brammetje. As it boike hast fjouwer is seit er: ‘Ik heet toch Miente Bram?’
‘Ja.’
‘Mooi, dan wil ik Miente genoemd worden.’
Yn ’e koartste kearen is it Miente. Hy harket net mear nei Bram. As se Bram sizze, ropt er: ‘Pap, ze roepen je.’
Haagen bliuwt Haagen
As ik yn in skieding lis, kinne de bern kieze tusken Bakker of Haagen. Elkenien wit net better as it is Haagen, op skoalle fansels ek. Se kieze dêrom foar de namme fan pa. Mar dan komt it: as ik dan tenei as Bakker troch in libben gean, sille se hyltyd útlizze moatte hoe’t it sit. Dêr hat gjinien sin oan fansels. Sadwaande neam ik my noch hyltyd Haagen.
§ MIENT NIMT DE MJITTE NEFFENS SMAAK
Mei 22 jier is Miente mei-direkteur fan it nije filiaal fan ‘P.S. Bakker, Buitenpost-Leeuwarden, Heeren & Dameskleermakerij’. De firma makket dy manljus- en frouljusklean op mjitte yn eigen atelier, foar de stedslju neffens de lêste moade. Al rillegau hat Mient de saken sa foarinoar dat syn jongere broer Lammert út Bûtenpost him skewielet. Om beurten gean se yn har auto nei de boeren en boargers troch de provinsje.
Op it plattelân is de smaak soberder as yn ’e stêd. Miente en Lammert komme dêr sadwaande mei groffere en donkerder stoffen oan ’e achterdoar, neffens de swiere dracht dêre.
Mient wol net lykas in kreamer mei in ûnbige koffer of mei it pak op ’e rêch it hiem op, huverich as er ek is foar de driigjende hiemhûnen. Hy draacht as in harnas in swarte jas oan ’e skuonnen ta en as er dy iepen swaait sjocht de boerinne in binnenkant fol behongen mei stalen en patroanen.
Der kin mar útsocht en besteld wurde. Mient nimt de maat.
B26
Foto’s: Historisch Centrum Leeuwarden, H.C.L.
Fotograaf: H.A. Rollema; kolleksje: H.C.L
P.S. Bakker adverteart omraak, bygelyks yn septimber 1925 mei de winterkolleksje
MINE – MEM
Mine komt lykas Mient ek út in grut gesin, se hat fiif susters: Bauk, Leen, Maaike, Sjo en Anne; en trije bruorren: Arjen, Doekele en Piter. Mine har mem ferstjert mei 53 jier, Mine is dan alve.
Se krijt al jong ferkearing mei Miente Bakker, fia grifformearde jongerein ‘meetings’. Se trouwe as se 22 en 23 binne, tagelyk mei Mine har neiste suster Anne en Gerben Reimers Brouwer, beide 25 jier.
Mine hat har draai yn ’e stêd, se hat in skat fan in man, in alderaardichste skare bern en as dame fan Moadesaak P.S. Bakker mar in bêst plak. Se hâldt fan ’e gesellige stedsdrokte, mar sjocht ûnderwilens ek de earmoed yn ’e folksbuerten in hoannestap fan ’e foarname Nijstêd ôf. Se giet sa no en dan allinne der even op út om frij te wêzen fan ’e drokke húshâlding, se kin har kroast tebetrouwe oan ’e bernefaam.
B43
Nei de berte fan har Maaike bliuwt se wurch en lusteleas. Ek as se siik is, kuieret se allinne troch de stêd. Soan Lammert fertelt dat se betiden sa’n pine hat oan ’e earms, dat se stokjes yn ’e lange mouwen draacht om de earms te ûndersteunen. Mine hat boarstkanker en as se slimmer siik wurdt en mear lêst krijt, wurdt se opnommen yn it Diakonessehûs te Ljouwert. Se hat dêr in dokter dy’t Mine ferklearret dat er net leaut. Mine is dêroer mei him op ’e tekst. Se nimme inoar yn fertrouwen. As Mine minder wurdt seit dokter har planút dat se net te genêzen is, dat is in wûnderlike fertroulikens tusken dokter en pasjint yn dy tiid.
Mient komt troch de doar en dokter seit: ‘Uw vrouw weet dat ze sterven gaat.’ Mient seit neat en rint op Mine ta. Letter tinkt Mient dat dokter mooglik in bibelwurd of sa fan him ferwachte hie, of op syn minst wat stichteliks, wat bekearliks, hawar.
Mine seit: ‘No sille wy lêze.’ Mient slacht biddend de Bibel iepen en sjocht op Jesaja 54:13:
En al uw kinderen zullen van den HEERE geleerd zijn, en de vrede uwer kinderen zal groot zijn.
Dit fers sille de bern meidrage. Sjoerd seit yn ’e dagen foar syn eksekúsje: ‘Ik dacht, die tekst is niet voor mij, maar hij is toch voor Sjoerd.’
Nei alle gedachten ek mei it each op de fersen dy’t folgje:
14 Gij zult door gerechtigheid bevestigd worden; wees verre van verdrukking, want gij zult niet vrezen; en verre van verschrikking, want zij zal tot u niet naken.
15 Ziet, zij zullen zich zekerlijk vergaderen, doch niet uit Mij; wie zich tegen u vergaderen zal, die zal om uwentwil vallen.
16 Zie, Ik heb den smid geschapen, die de kolen in het vuur opblaast, en die het instrument voortbrengt tot zijn werk; ook heb Ik den verderver geschapen, om te vernielen.
17 Alle instrument, dat tegen u bereid wordt, zal niet gelukken, en alle tong, die in het gericht tegen u opstaat, zult gij verdoemen; dit is de erve der knechten des HEEREN, en hun gerechtigheid is uit Mij, spreekt de HEERE.
Op Lammert syn begraffenis tsjûget Albert: ‘Moeder heeft ons deze tekst meegegeven en nu weet Lammert het ook weer.’
FERSILLE SIELEN
As Mine yn 1925 mei 36 jier ferstjert, komme omkesizzers út Bitgummole om Mient te helpen: Jikke en Bauk Arjens van der Schaaf. Dat giet besteklik yn omkes betrouwen en gemiensumens, mar de fammen kinne dy njoggen jonge bern net oan. De faam en de bernefaam likemin. Mient besiket it mei húshâldsters. De iene is neffens him net goed foar de bern, de oare wol mei him trouwe. Hy kin it net útstean. Hy redendield mei sweager Gerben Brouwer en Anne van der Schaaf, en nimt it pynlik beslút om de bern foarlopich by famyljeleden ûnder te bringen.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje
BS
PORTRET
As Mient Bakker de húshâlding nei jierren fan diaspoara mei syn bern wer opset, hinget it portret hjirboppe libbensgrut yn ’e keamer yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte. It byld giet mei fan stee ta stee.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘De foto fan Mine hat oant moeder har dea yn ús hûs hongen. Op ’e Emmakade yn ’e achterkeamer, yn in donker brún-griis passe-partût en in brede houten list fan sawat 5 sintimeter breed. Yn ’e midden wie in skoarstienmantel mei dêrneist twa nissen, it portret hong oan ’e kant fan ’e foarkeamer. Dêr wie ek in skoarstienmantel mei twa nissen en yn ’e nis oan ’e kant fan ’t rút hongen Popke, Sjoerd, Dieuwke en Maaike. Doe’t wy nei de Biltsestrjitte ferhuzen, ha ik de foto fan Mine út de list helle en yn in lytsere moderne list set. Alle fiif foto’s binne doe yn vader syn kantoar kommen. Dat se dêrhinne ferbannen waarden, wie op fersyk fan tante Lucie: ‘Ik word elke keer beroerd van die dodengalerij.’
Yn ’e bungalow te Hurdegaryp en yn ’t fersoargingsflat oan it Europaplein te Ljouwert hongen de foto’s yn ’e gong. It lykje details yn ús ein libben, sa net.’’
middenmank broers, susters, skoansusters en sweagers, achter de pleats.
Fan links nei rjochts, steand: Arjen en syn frou Trijntje Sybrens van Tuinen; Sjoerd Hilbrands Bruinsma, man fan Baukje;
Jan Seerps Bruinsma, man fan Leentje; Anna Leenderts Runia en har man Doekele; Syne Wybes Nauta, man fan Maaike;
Pieter en syn frou Grietje Hayes Terpstra; Miente Popkes Bakker, man fan Trijntje; Gerben Reimers Brouwer en syn frou Antje;
Sjoerd Yebs Reitsma, man fan Sieuwke;
sittend: Baukje; Leentje; Maaike; Dirk; Trijntje en Sieuwke.
Fotograaf: Obbema & De Bruin, Ljouwert.
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje
BS
GOLHERTICH EN HURD
De bern fan Miente út it twadde nêst beskôgje de bruorren en susters as omkes en muoike, fan de ierappelkant.
As Mient it mei Jeannette mient, gean se op toernee by de Van der Schaven lâns. Yn Bitgummole steane se foaroer skoansuster Tryntsje van Tuinen, sy is de frou fan Arjen Durks van der Schaaf, gerenommeard ierdappelkeapman en gemeenteriedslid foar de A.R.P. Se ha Sjoerd yn har hûs opnommen. En wa is Jeannette? Se wurde mar wat út hichte bejegene en wat kâld, se is sa ’t skynt wat fan ’e te kâlde kant.
Jeannette seit tsjin Mient: ‘Dit is no net geskikt.’ Mient set troch, se stappe twa doarren fierder nei Mines âlderlike pleats, dêr’t Piter en Gryt Terpstra buorkje. Gryt is ek noch net oan Jeannette ta.
Jeannette seit tsjin Mient: ‘Ik wol hjir wei.’
Mient seit: ‘It moaiste ha ik foar it lêst bewarre.’ Se ride nei Anne en Gerben oan ’e Menamerdyk. ‘Myn leave jonge! O Jeannette. Leave bern, Kom deryn.’
‘In waarm bad’, seit Jeannette letter.
Mar it hurd iis brekt. Tineke hat it fjoer ek wat opstookt en waarm holden.
Tineke: ‘Wy seagen se sa no en dan wol – de omkes en dy muoikes mei har ‘armen als billen en billen als kerkpilaren,’ sa’t ús Sikke sei.
Op ’e begraffenis fan ús mem smoarde it fan ’t Van der Schavefolk. Us Gerrit stie der fersteld fan dat elkenien my koe. Falt wat ta hear – kinne fan wat? – se seinen allegearre: Tine – sa wurd ik noait by namme neamd. Mar se knypten my yn ’e hân!’’
HOMO- EN BISEKSUALITEIT
De erfelike homo- en biseksualiteit yn ’e famyljes Bakker-Brouwer-Bruinsma-Van der Schaaf, komt út de Van der Schaven.
De njoggen bern fan Durk Arjens van der Schaaf en Baukje Doekeles de Boer binne nei alle gedachten sawat allegearre hetero – beleaven sa’n kwalifikaasje, se binne mear as dat: harsels hopelik, al kin dat net. Fan fan har 54 folwoeksen bernsbern is de rûzing dat 17 homo- of biseksueel binne, stigmatiseard.
Dêrûnder dus fjouwer soannen fan Mine en Mient.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Yn elk gesin fan ’e buorren en susters fan mem Mine wie it sa, mar dêr waard troch har net oer praat, by ús dus wol. Dat wie wol in tsjinstelling.’’
Dat libbenslang tabû beswierret gâns leden fan ’e famylje. Net allinne de grifformearde doktrine, nee de hele mienskip is ferjûn fan iepentlike en ûndergrûnse homowearze.
In persoanlike noat
It docht my, as skriuwer fan dit famylje-epistel, parallel tinken oan myn sibbe Sjoerd Bakker (VIII.3), yn positive sin. Myn gefoel by, skôging op en belibbing fan ‘de werklikheid’ is uteraard wol behoarlik gekleurd, ’oars’ sein: kleurryk – gelukkich mar.
Sjoerd syn beppe Dieuwke (VI) hat wat in skalk each op Sjoerd syn eigensinnigens as er yn ’e serre fan Jeltingahûs keunstich omgiet mei lapkeguod. Mar beppe nimt Sjoerd dan toch mar sa’t er is – dêr oerwint de leafde allyksa. Likegoed, beppe bliuwt Sjoerd syn tekstile oanslaggen frjemd.
Ik bin ek frjemd. Net fan mysels. Sa’t ik ommers sels ek kend bin. Mar wol yn oare eagen. Frjemdernôch en sa begripelik. Wy sille it witte. Wy sille leafha at it sûne ferstân trochbrekt. No is myn kennen foar in diel, mar dan sil ik folslein kenne, lykas iksels ek kend bin, seit ús mem oer it lân hinne ta it serrerút út mei bestilde eagen ûnder ús sterke tee, sa jong at ik dan bin, opstjolperige brein, sa fûl fan hertselach at mem en ik it mei ús beiden om de feiligens betinke en even-mar seker stelle wolle, praktys prakkeseare oer begeande wegen dy’t der yn ús eachweid no alteast net binne, dus; sa hoege jo op bekentenissen fan jo jonge jonge út ’e bekessene reiden stoel wei yn dit ferwulft leafdefol neat te sizzen mei in wurd dat wy net ha, omdat it net sein wurde kin, 1 Korintiërs 13:12.
Ik bin as tolvejierrich jonkje yn dy ljochte serre op ’e Twa Damkes ris yn in hoekje op ús hearlike divan yn ’e beage ferheven mei lapen stof, jern en kralen om dêr wat moais fan te meitsjen. Muoike Nynke skôget dat op in ôfstân mei misnûgen, út eigen ûnmacht, tink ik. Ik bliuw der kwazy oars noch oars ûnder en gean – mysels bewust fan de platte onsmaaklikheid yn frjemder onpasselike eagenskou – op dit keunstsinnich beklaaide bêd fan follle oerbetrouwen ûnfersteurber troch. Mar der is ynienen neat mear oan. Myn nije kreative ûntdekking is bedoarn. Wie ik ek mar in akseptabele echte jonge. Leave muoike. Dat tink ik dan wol. Letteroan is de ontagonkelike skôging fan de omwrâld my nei in soad behelpen yn it bestean oergongen yn ferwûnderingen.
Dan skoot muoike ferfaarlik mei har foars maskulyn foarkommen en har begjinnend snorke fan ’e reiden leuningstoel nei myn sachte glêde feltsje ta en systeret heel ticht myn goddelik fernimmend teare rjochterearke yn: Goasse asto sa trochgiest, dan begjinsto op in famke te lykjen.
Ik skôgje yn de knypte múske-eagen
de wiere weet- en ierdappelfjilden
dy hoarizon
ússels beslein
har sin de divan op
ik kraaltsjemantsje
en sa bisto no krekt in famke
en ik sis neat
allinne:
Muoike!
Dan dat mar, tink ik, dat is mysels wol bêst.
En mear as dat. Mearslachtigens befrijd!
Dat wit ik dan mar al te goed.
Lykwols, ik ha doe nei dat foarfal de keunst net daliks, mar evensagoed wol oan ’e kant lein – en folwoeksener, de tried wer oppakt. It is twaderlei: fan jongsôf oan wit ik net oars as dat ik famkes en jonges fysyk oantreklik fyn, dêr wol ik ek lichaamlik wol mei konverseare; dat is myn inerlik, dat is it libben sels, it wurdt oan my iepenbiere yn al syn ferskiningen. Ik ha der sels o sa’n sin oan. Mar ik moat duswegen alle geduerigen op myn hoede wêze foar de – yn myn eagen dan – benepen bûtenwacht. En wa is dy grillige onferkwikkelike Bûtenwacht yn persoan of tsjinbegearte?
Altyd willekeurich – en tagelyk altyd te ferstean, altyd skepsel Gods deswegen, neffens myn bysûnderlike âlderlike lear der opfieding.
Underwilens ha ik it net stean op dy homofilen, dat binne foar my skrikbylden; ik stopje se yn myn tapasselike hokjes, mei izersterke foaroardielen en koartsichtige learstellingen. Myn puberaal eachweid rikt net fier, skept gjin romte: it binne òf ferwiifde, fulgêre, false oanstellers, òf eksintrike ongelukkigen ta de dea. Minselike kreatueren fertekene, feroardiele ta karikatueren.
En mooglik wie muoike har driuwfear in ûnbehelprige barmhertigens neffens de tiid: dat har muoikesizzer bewarre bliuwe soe foar dy dekadinsje.
Muoike is sûnt har fjirtjinde net wei te slaan by har libbensfreondinne dêr’t se har hele leven mei wennet, se besliepe itselde bêd – dat hoecht neat te sizzen, nee. As dy oare muoike, har twadde helte, ferstoarn is, sykje ik muoike twa kear wyks op yn it fersoargingshûs. Op har âlde dei yn ’e njoggentich stelt se neffens myn bewitten fêst yn in bekennende fraach, op ’e nij flústerjend: Goasse, tinksto dat ik lesbys bin? Ik wit ek wol dat se dy fraach kear op kear net sa mar even oan my bestelt. Ik bin betrekkelik in folchsume des Jezus en sis, mar dan wol kear op kear: Muoike seit it.
PLOEGJE
Foar muoike Nynke
Dat ienlik is
dat nuete grousum net bedike
fan fette en ûnreppelike klaai
dat bûtlân is
ferbeane grûn
dyn erfelike wolbetochtsumens
dy’t yn dyn dieden is
o god lis hjir
ús leafde
yn de fuorgen del
In miich út it achterlân begeart my as er fjirtjin is. It bloed slacht fûl. Hy kin dat net foar him hâlde en uteret dat út syn hertstocht gjalperich dêr’t oaren tsjûge fan binne. Geastich en leaf- en gefaarlik, want dy eagen fan dy brekkelike omstanners en har praat. Hy kin amper fan my ôfbliuwe, ik war dat ôf. Us lichem in timpel. As er dan syn gefoelens fuortstoppet en finaal foar de heterokant kiest, it feilich houlik oangiet, kin er it net litte om my mei geweld te belagen. De Koaning Alkohol wurdt syn freon. Ik ha altiten in swak foar him hâlden. Ut hunkering nei kleare leafde wurdt by it minsdom dranksucht anneks agressy geboaren. Ik wit der sawat alles fan.
Dat skynt dan sa gean te kinnen: dy’t itsels binne, kinne ferkeare yn de fûleindichste homohaters. Se fine harsels fyslakken. In gefaarlik meganisme – begripelik oantrekkelik, jins oare helte op ’e hûd sitte – dat altyd opgong makket en fuortgong nimt. ’Homo’ is Anno No noch in feninich skelwurd. Ek yn it Amsterdam fan ’e Bakkers. Wat in ferademing dat betreklik bûtensteander Toni Boumans yn har boek de homoseksualiteit yn ús famylje frij ‘behannelet’. Te Ljouwert, it berteplak fan ’e bern fan Mient en Mine, kinne manlju trouwens wol hân yn hân oer de Nijstêd rinne.
Freonskip yn ferskaat
Omke Mient is in goede freon fan syn sweager, ús pake Gerben. In trochgonkelik besteand bestân.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Ja, vader en omke Gerben wienen sljocht mei-inoar. Ik wit wol seker dat se it ek oer dat ‘oars’ wêzen hân ha.’’
Wêrom hat omke Mient it dan wol mei syn bern bepraat en pake Gerben heechst wierskynlik noait? In ferskil is dat Mient syn jonges der út harsels tsjin har heit oer begongen.
Tineke: ‘‘Ik tink ek dat omke Gerben mooglik út in soarte fan beskerming it swijen der ta die. At je homoseksueel wienen kamen je yn ’e hel, neffens de mienskip; soks leauden ús heit en omke Gerben fansels net. Se woenen beskermje; dy’t dan sogenaamd oars wienen waarden behune, ferstjitten. Je soenen wis en seker op alle fronten belies jaan moatte. Dat wie in net te winnen striid. Dan hat ‘wat stiller wat better’ yn omke Gerben syn gemoed it bêste west, minder slim as it alder-alderslimste. Al hoe pynlik ek.
Mar wy binne der noch lang net, nee. Hjir yn Bûtenpost yn ’e Protestantse Kerk van Nederland wurdt in dûmeny beroppen dêr’t fan grute wurdt dat er homoseksueel is. Dat wurdt neirûn. En ja hear, dat is sa. Yn ’e tsjerkeried wurdt oppere dat soks helendal gjin beswier wêze mei. Mûnling wurdt stimd, de hannen omheech: allegear foar.
Dan komt de gemeente te witten dat de beroppen kandidaat in ‘flikker’ is.
Op ’e nij kediist de tsjerkerie, no mei sletten briefkes; allegearre tsjin.
Doe ha ik in brief op poaten skreaun. Dat wurdt je net yn tank ôfnommen.
Sjoerd wurdt yn 1942 troch de Grifformearde Tsjerke yn Amsterdam fan it Nachtmiel útsletten omdat er homoseksueel is. Hy wurdt der net útset. Mar Sjoerd is der doe sels útweibetiisd, mei tsjinsin. Grifformeard, is op dat stuit in fijân fan jesels, in skepsel Gods. Sjoerd stapt oer nei de Herfoarmden; en dat hat er vader noait ferteld, om him net sear te dwaan.
Dat wie doe, dat gebeurt no net mear; mar krewearjen foar rjochtfeardigens bliuwt needsaak, dat bin ik ek oan Sjoerd, Albert en Lammert ferplichte. Hele folksstammen fine it noch net normaal, hingje noch oan dy stomme útlis fan Sodom en Gomorra. Mar dêr giet it helendal net oer leafde tusken minsken fan itselde geslacht, dêr wurdt oantaasting, ûnderdrukking en fernedering fan in meimins oan ’e kaak steld.
Ja, it is gelukkich normaal dat je leafhawwe, dat God je sa skepen hat. Lammert sei in kear: ‘Ik hoef niet meer naar de hel, de hel heb ik gehad.’ En sa is dat. Lykwols, Lammert hat dêr oant lêst ta yn syn omwrâld swier mei sitten – en dan giet it mei jesels ek net goed. Lammert hie him sa knoeie litten, dat hy hie mar yn ’e kop dat gjinien fan him hold. Hy stie meardere kearen foar de selsmoard; gelukkich is er dêr foar bewarre, ek in kear troch ús Sikke as er foar de trein sil.
Sikke en Bram ha in soad oan him dien, en hy wie hjir ek gauris, yn ’e opfang. Der waard wol grute dat de bern út it twadde nêst him mear heinden as dy út it earste. Mar ja, dy tôgen har beladen ferline mei.’’’
De ferslaving spilet Lammert op ’t lêst parten, hy flechtet; syn ‘oars’ wêzen hytfolget him. Hy hat in komise drank, en ek in kweade. As gids is er hyltyd minder nei ’t bûtenlân. Se jouwe him koarte rûnliedings, dy folbringt er treflik mei syn koartswilige slok op. Sikke hat him in kear sa fier, dat er yn ’e Jellinekklinyk sil, hy is krekt binnen en der hânsum wer út. Letter hâldt er it dêr wat langer fol, sûnder resultaat dat makket.’’
As ik mei omke Arjen Brouwer in kear sit te redendielen oer drankgebrûk anneks fleislike mienskip fan man ta man – seks, dat freselik fulgêre wurd falt yn dizzen, it is net oars -, komt fan myn kant de homoseksualiteit fan omke Durk op ’t aljemint. Omke Arjen, hy is dan 92, hat dêr noait weet fan hân.
Wy ha as opslûpen jonges faak de loop by omke Sybren van der Schaaf om nayf opmerksum kennis op te dwaan oer wat him yn ús libbens ôfspilet. Wy ha it oer de Kristus, hoe’t dy ús liedt, ynfiert yn oprjochtichheid, yn eigen en yn ’t ferweven miene oarmans feiligens – de famkes, jonges om ús hinne – ús begearen; oer omke syn wjerfarren mei Spinoza dêrta, sa’t wy ek frijelik bestean kinne, oer God-almachtich en wysels yn Him. Hoe kloppet bloed. Hoe rûkt it hele gele koalsied sa, ús nije ierdappelrassen stean bestendich yn ’e wyn, oer alle fjilden hinne.
Wat ha ik faak tocht: No sis ik it. It is der noait fan kommen. Ik fiel mysels wol frij, mar de eangst foar it myn selsbetochte net-wittende Sanhedrin fan fierderop dat it mishippe kin, doar ik net oan – al hoe krigel ik bin.
Selsferneatiging gebeurt no noch. Hoelang bliuwe wy dan bûtensteander?
Fertroulike simmerfakânsjes
De fersille Bakkerbern binne yn ’e simmerfakânsjes meast tagonklik byinoar útfanhûs by ûnderskate omkes en muoikes.
Sa hâlde Durk, Sjoerd, Albert en Lammert (VIII.2, 3, 5, 8) wer in kear famyljewille by har muoike Anne van der Schaaf en omke Gerben Brouwer op ’e pleats op ’e Menamerdyk ûnder Bitgum. Muoike en omke litte de jonges jûns mei har fjouweren yn wêzen. Se litte se sliepe yn ien keamer yn twa ledikanten deun foar inoar oer. Durk en Sjoerd yn ’t iene, Albert en Lammert yn ’t oare, ûnder swiere moltontekkens yn djippe sniewite kessens. It is fertroud hjirre. Barmhertich is de Heare, lankmoedich, fol fan geunst. Hy sil net ivich lilk bliuwe.
De smûke keamer is betimmere troch neef Durk dy’t ek ‘sa’ is, dat fiele Durk en Sjoerd al wol oan. Op dizze pleats it stilswijen dêrta.
Lammert skrabet alle moed byinoar, ropt sacht mei syn jongesstimke út it tsjuster wei: ‘Jongens, ik moet jullie wat vertellen.’
Dêr is daliks de bewittend leafhawwende stim fan Durk: ‘Lammert we weten het al. Wij zijn het ook.’
En Sjoerd syn sachte stim bestimd: ‘Je bent niet alleen, Lammert.’
Lammert fertelt fierder: as syn neef Durk Brouwer nei it ferstjerren fan syn omke Gerben en de fuortgong fan syn suster Nynke mei har libbensfreondinne allinne op dy moaie grutte pleats op ’e romte yn Lammert syn fjurrich oanskou buorket, stelt hy syn begearlike neef yn alle opsichten foar om op dy mânske boppekeamers fan ferlet by him yn te lûken, desnoads earst om te begjinnen apart dan mar. Lammert soe yn ’e omkriten as de treffelikste kok yn dat brein omriede yn in wol heel smakelike foarname romme keuken. En boppe alles dat, it lonkjende bloed kloppet.
It rekest is nee.
Lammert poneart as Durk syn beweechreden op syn teatrale manier der spichtichheden: ‘Oververenigbaarheid der karakters.’
Wat soenen de minsken sizze, tinkt Durk – tink ik.
Durk kiest foar in húshâldster, dy’t mei him trouwe wol. Durk wol dat lêste net. Se is goed grifformeard en se kin geskoald sjonge, yn Durk syn algehele hûs ferstimd dy stim yn alles dat. Hy buorket en bestjoert mei har yn ’t algemien konforma net-bewitten mar folop heel deeglik troch. Syn freon is, neist syn soasiale kracht yn foarsitterskippen en in inkelde ôfstânmaat anneks dy syn echte frou foar ’t algemien besef, de ynhâld fan de oeral op ’e rútskjinne en it heinde hiem fersille lege flessen sterke drank. Dat is wat iepen bliede kin, syn leave geast is yn it ivige gehiel. Oant de treast. Al sonk de sinne yn it westen wei, ’t is oeral ljocht en ivich wûnder.
Lammert ferwurket soks ûnderwilens sabeare flotwei syn weareld oer, as wolbewittend en bekwame gids, yn funksje betiden dan taflechtelik beskonken, letter mei himsels dan net, dan is er toch bekwaam, ja dat kin ek, ‘zoals ik het wil hebben Goasse, denk je ook niet.’
As Lammert in kear útfanhûs is by Roymer op ’e pleats oan ’e Westerdyk te St.-Jabik, ha wy it ek wer oer Lammert syn reizen en de wrakseling mei jinsels. Lammer stelt fansels ûnder syn ferslaggen troch dat je alle kearen wer jesels tsjinkomme – dat ferflokte klisjee – wêr‘t je op ‘e weareld ek mar binne.
Hy hellet in skreaun briefke út syn portefeuille foar ’t ljocht dat er krigen hat fan syn broer Albert, en hy lêst oandien foar:
Die hoop moet al ons leed verzachten.
Komt, reisgenoten, ’t hoofd omhoog!
Voor hen, die ’t heil des Heren wachten,
zijn bergen vlak en zeeën droog.
O zaligheid, niet af te meten,
o vreugd, die alle smart verbant!
Daar is de vreemd‘lingschap vergeten,
En wij, wij zijn in ’t Vaderland!
Gesang 291
Neist alle betroude psalmen en gesangen is oare stichtelike poëzy ek yn Lammert syn behear. Hy draacht my itselde foar, dat ús mem die doe’t wy yn ’e serre sieten, ik sawat net bekrompen santjin bin, Germ wie ferkeken, fansels net. De faam is fuort en mem nimt de tiid om sitten te gean en seit: Goasse moatst ris hearre wat ik hjir no lês fan dy dûmeny Beets út njoggentjinhûndert alhelendal
DE MOERBEITOPPEN RUISCHTEN
‘De moerbeitoppen ruischten;’
God ging voorbij;
Neen, niet voorbij, hij toefde;
Hij wist wat ik behoefde,
En sprak tot mij;
Sprak tot mij in de stille,
De stille nacht;
Gedachten, die mij kwelden,
Vervolgden en onstelden,
Verdreef hij zacht.
Hij liet zijn vrede dalen
Op ziel en zin;
‘k Voelde in zijn’ vaderarmen
Mij koestren en beschermen,
En sluimerde in.
De morgen, die mij wekte
Begroette ik blij.
Ik had zo zacht geslapen,
En Gij, mijn Schild en Wapen,
Waart nog nabij
De treast is foar even folkomen. Wat wurdt no iepenbrutsen? Dy wurden kin dûmeny net mear ferskeakelje, ferskrikkelik, mem, sis ik. Mem laket sacht – doch it oars Goasse jonge. Dat mem begrypt. En dat is sa en ik begjin,
Sjoch:
-Arjen, Durk en Gerben Brouwer, Genealogy Brouwer 1 XV.2, XIV.1.2 en XIV.1
-Dirk Arjens van der Schaaf en Baukje Doekeles de Boer; Sybren van der Schaaf, Genealogy Van der Schaaf – VIII.2 en X.22
ALLEGEAR IN POALIS YN ’E BÛSE
Yn ’e krisisjierren krijt P.S. Bakker de klappen. De lju ha op grutte skaal minder sinten ta har foldwaan. Ien fan ’e alderlêste útjeften is wol djoere maatklean. De grutte húshâlding fan Mient mei njoggen bern mei dy fan syn jongere broer Sikke, mei twa iters, kinne dêr net rojaal fan bestean. Mient en Sikke nimme it beslút dat Sikke syn takomst bout by P.S, Bakker en Mient oars omsjocht. Hy docht yn 1933 in smeet op ynspekteur by Amstleven – de Amsterdamsche Maatschappij van Levensverzekering – en dat slagget. In stevich ynkommen. Hy soarget dat de grutte skare Bakker en de Van der Schaven allegear in fikse poalis yn ’e bûse hawwe.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘De fersekering dy’t ús heit it meast foldwaning jûn hat, wie ôfsletten by in neef Bakker dy’t tryst genôch jong stoar, mar de poalis gong oer op syn broers en susters en dêrtroch koenen dy stik foar stik fierder leare.’’
ÛNWRIKBER SOLIDÊR
De bern Bakker út it earste nêst binne neffens har healsuske Tineke ‘Unwrikber solidêr, se koenen hiel min sûnder inoar’. En dat giet noait oer. (THB, LB)
Se stypje inoar dêr’t se kinne as hja fersille nei memmes dea te kampen krije mei in ferskuorrende ûnwennigens neiinoar ta. Allyksa yn it fertriet om Dieuwke har betiid ferstjerren amper út it kreambêd yn 1942 en Maaike har autoûngelok mei in Kanadese jeep yn 1945. De finzenisskip fan Durk yn it Oranje Hotel te Skeveningen en yn Kamp Amersfoort yn 1941, it fussilearen fan broer Sjoerd yn 1943, fan oom Paul en it deasjitten fan broer Popke yn 1945.
Dêroerhinne binne se ien en mien yn it ferset en drage de bruorren inoar yn it ‘oars’ wêzen.
B172
Mient bringt op 23 augustus 1934 de húshâlding wer byinoar, yn in grut hoekhûs oan ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62 te Ljouwert. It is in net te leauwen ferademing.
Aldste Bauk bestjoerd mei har santjin jier – as wie se folleard – de keppel mei nocht en feardige hân.
In gouden tiid foar de bern, dy ha fuort in swide freonekring, dat it hûs is aloan fol jongfolk. In grut kontrast mei Mient syn solitêr bestean, hy sil omstean leare. En it kostet him jild as wetter.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘As Vader mei Moeder yn ’e lange hier giet, seit er: ‘Do hâldtst it húshâldboekje mar by, dan witst krekt wêr’t myn ellinde sit.’
Ik ha ’t noch krektsa: ik spring fan ’t iene gat nei ’t oare.
It wie wolris in húshâlding fan Jan Steen. Albert wie bygelyks slim fan ’t bêd ôf te krijen. Vader fûn it in feest om sneins mei-inoar te moarnsiten en út de Bibel te lêzen. Bauk hie Albert al in pear kear roppen, en vader ek. Gjin azem. Dan nmei er net mei ite. Mar as er de Bibel iepenslacht en begjint te lêzen hearre se in freselik gebonk. Albert komt de trep del, ‘Geloofd’ – bonk – ‘zij God’ – bonk – ‘met diepst’ – bonk – ‘ontzag’. Hy koe moai sjonge. De bern skuorre de bûsen útinoar.
Albert is yn ’e famylje letter de man dy’t de saken foar de grutte keppel beoarderet. Nei de dea fan Durk docht er dat foar Trijntje en de bern en soarget er derfoar dat dy fan it Singel ôf in plak op ’e Nassaukade krije.
Doe’t ik yn myn skieding lei, stienen de bern út it earste nêst as in muorre om my hinne. Albert regele wer alles, sadat it der foar top bystie. Myn eardere man sei: ‘Als ik moet vloeken, roep ik: Bakker!’
Us mem sei in kear fan Gerrit, Sikke, Bram en my tsjin heit: ‘Dat dienen dyn earste bern krektsa. Ja Jeannet, al it goede ha se fan ’e Bakkers.’ O, mem en en heit wienen mâl mei ús allegearre.
By it ferstjerren fan ús mem rieden bûtensteanders in notaris oan om alles op te knappen. Binne je berûgele, seinen wy. Albert koe wer heel wat. It soe in moaie erfenis wurde, hienen wy inoar beloofd. By einberêding sei notaris: ‘Het was een hele ingewikkelde, met al die kinderen, maar het kon niet mooier.’
Op dy manier eare je je âlden.’’
Kanadezen op har tanks foar P.S. Bakker te Bûtenpost.
Foar de Bakkers ûnwêzentlik.
OA
OPLUCHTE
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘De earste jierren nei de oarloch gongen wy simmers altyd fjouwer wiken nei Skiermuontseach en dan die vader geweldich lange kuiers mei ús. Doe’t ik sechstich waard, krige ik fan myn trije jongste bruorren in wykein Skier yn Hotel Van der Werf kado. De sneins gean wy in eintsje en Sikke en Bram rint it swit yn ’e nekke. By Van der Werf helje se kofje, mar de ober bringt ús ûnderwilens al bierglêzen wetter, want wy ferdampe neffens him tefolle.
‘Dêr joech heit froeger mei ús neat om,’ sis ik tsjin de jonges. ‘Ja, suchtet Sikke, mar de âlde dy hie ek in kondysje!’
Vader syn koartamigens spilet folle letter op. Hy hat fan dokter te hearren krigen dat er per dei mar ien sigaar mear smoke mei. En alla, as der besite is, kin er noch íén opstekke.
Ik bring in kear wat boadskipkes, der yn en der daliks wer út; mar vader heart myn stim en stekt fuort in sigaar yn ’e holle.
Vader moat op in nacht ris nei ’t sikehûs, want hy is yn ’e war. Hy komt op in keamer mei in arabier dy’t mei syn hele kaftan oan op bêd leit. Vader beskôget dy djellaba as gâns in knap stik lape foar de ferkeap en begjint yn syn waan dat guod al oan ’e man te bringen.
As moeder, Bauk en ik in kear trijerisom by syn bêd stean, freget moeder: ‘Wie ben ik?’
Bauk en ik ha kromme teannen, bang as wy binne dat vader sizze sil: ‘Mine.’
Mar hy seit: ‘Oud wijf, stram stijf. Allemansverdriet! En vraag je me nog: Joost ken je me niet?’
It is krankjoarem, mar wat wienen syn âldste en jongste dochter opluchte!
Vader gong freeds altyd nei de Beurs, om hannel en geselligens; thús tape er dan de bewende moppen. Ik fertelde dy yn ’e klasse troch, mei sukses, mar dat wist er net.
As wy wer ris in fyt úthelle hienen sei moeder: ’Dat ha se fan dy!’
‘Ja,’ seit vader, ‘alle beroerde dingen ha se fan my, soe oom Kees wol sizze.’ [Kees van Mourik, de man fan Durkje Bakker (VII.7).
Sikke wie in nachtbraker, mar hy moast foar tolven wol thús wêze. Gelukkich foar him, gongen vader en moeder sawat om tsien oere ûnder de fodden. Sikke hie der wat op fûn, yn ’e paraplubak hie er syn pyama ferside brocht en as der dan thús kaam, loek er dy yn ’e festibule oan. Waard er betrape, dan hie er nei de wc west.
Op in sneintemoarn sweeft moeder yn peignoir en toffels sliepdronken de trep del om nei de wc. Sikke stiet yn syn ûnderbroek en ropt fan skrik: ‘Wat dogge jo hjir midden yn ’e nacht. Gean op bêd!’ Hy fljocht as in spear nei boppen.
Moeder wit net hoe’t se it hat. Se keart werom en op ’e keamer bekommen, giet se wer nei ûnderen de gong yn. Neat te bekennen. Spoken?
De oare moarns komt de duvel út it doaske. En Sikke moat nei syn koarte nacht as de duvel moarnsite en nei tsjerke.
Nei de tsjerketsjinst gean wy nei de GJV – de Grifformearde Jongelings Vereeniging, Palladium. Mar as de diskusje dy’t dêr úteinset is thús oan tafel trochset wurdt en Sikke en Bram de messelizzers troch de keamer fleane litte, moatte dy elk foar oar nei in oare jongfeinteferiening. Se binne dêr binnen de koartste kearen allebeide foarsitter en jatte inoar de leden ôf. Gerrit en ik bliuwe braaf op Palladium.
Vader hat in moaie stunt om ús yn ’t gareel te hâlden: syn Hege Bloeddruk. Dy skommelet en dat komt troch opwining. ‘Jonges! Tink om myn Hege Bloeddruk!’ Dat giet sa fier, dat ien fan ’e skoansuskes seit: ‘Bij ons zorgen onze ouders voor ons, maar bij jullie is het wel andersom.’
Bauk is ûngerêst oer vader syn koartazemigens nei’t se by har útfanhûs west ha. ‘Tineke, doe er wat aan! Hij wil niet naar de dokter.’ Ik krij vader op ’t lêst safier dat er sels kontakt opnimt. Vader: ‘Dat smoarrige fanke seit dat ik nei ’t sikehûs moat omdat ik sûkersykte ha. En dêr giet men gegarandeard dea.’
Vader hat dus dúdlik sûker. Nei de earste skrik sûndiget er tsjin de klippen op. Mar fjirtjin dagen foardat er nei dokter Feddes sil, ûnthâldt er him fan alles. Lykwols, ik wurd kjel as ik sjoch hoe’t er as in âld mantsje nei de kontrôle skeuvelet. Ik stean foar ’t rut om te sjen at hy der al wer oan komt. Ik sjoch ik in feardige vader de Harnzerstrjitwei delkommen, kersrjocht, hy swaait nei my mei syn gongelstôk. Moeder kin ik fertelle dat er goeie berjochten by him hat.
Koartswilich kinne de Bakkers wêze, en moalich. In kear is vader oan syn min each opereard. Albert freget hoe’t is no is. ‘Ja wol goed, mar ik sjoch sawat alles dûbel.’
‘Moai, dan sjogge jo alle moaie famkes ek dûbel.’
‘Ja, mar ik gryp hyltyd mis.’
As Bram syn ienentweintichste jierdei fiert, is vader sa joalich, sa kenne wy him net. Op in stuit hear ik him sizzen: ‘Ik ha se allegear grut krigen.’ Ja, vader hat him foargoed soargen makke. Kinst dy foarstelle dat wy mei ús fjouweren om syn bêd stienen, 37, 36, 34 en 33 jier, dat ik foaral tankber wie dat wy vader sa lang hâlde mochten.’’
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Doe’t vader stoar stelde Albert foar om allinne vader en moeder op ’e stien te setten. Dat ha wy as fjouwer jongste bern wegere. Mine heart derby.
Vader siet sneintejûns faak te fertellen en as it dan oer de ‘grutten’ gong, sei er gewoan ‘mem’. Wy wisten as lytskes dan wol dat it de earste mem wie, dat wie foar ús sa gewoan. En wy beskôgen har kant ek as ús famylje, al wie der dan betiden net in soad omgong mei dat swiid fermidden fan âlde sibben.‘‘
GENERAASJE VIII – De bern fan Mient Bakker en Mine van der Schaaf
Albert, Bauk, Dieuwke, Popke, Maaike, Lammert, Durk, Sieuwke en Sjoerd.
Nei de fakânsje, noch even byinoar; Popke, Bauk, Sjoeke en Lammert glimkje.
BS
B61
POPKE
‘Vergeet de poëzie in je leven niet,’ skriuwt jongste broer Lammert oan âldste broer Popke op dy syn troudei. B294
Popke Bakker syn libben is poëzy, neffens syn freonen. Dizze keapman hat troch syn rubberhannel gâns modder oan ’e kloet en hy ferheft dat om dichters en byldzjend keunstners dy’t oan reapsein binne as in mesenas te skewielen mei syn pekunia.
Sa helpt er syn freon Bertus Aafjes. En de dichters Gerard den Brabander, Jacques van Hattum, Ed Hoornik, A. Marja. Fierders stipet er it ferset, ûnder oaren de fersetsgroep CS6.
Popke sammelet ek byldzjend wurk om him hinne, hy ferskaft en skaft wurk oan fan Piet Mondriaan en Germ de Jong. By him hingje de prestaasjes oan ’e muorre fan Hendrik Chabot, Jan Wiegers, Else Berg. En flink wat skilderijen fan Cees Bantzinger, de broer fan Sjef, de twadde man fan Ida Wiedenhoff
Dit is de dag van mijn leven
Is Nederlân offisjeel op 5 maaie befrijd, op 7 maaie is Amsterdam noch fergeven fan Dútsers. It tydskrift De Vrije Katheder warskôget op 6 maaie dat de Kanadezen net earder as in dei letter yn Amsterdam wêze sille.
Mar opteine Amsterdammers fiere al sjongend en dûnsjend feest op de Dam ûnder in hearlik waarme simmersinne. Popke en Ida ha de nacht sliept by Ida har suster Sanne van den Doel oan ’e Keizersgracht, de bern hawwe se yn Blaricum ûnder de hoede fan har noflike húshâldster Riek Schagen.
Popke wol perfoarst by de befrijing yn Amsterdam wêze. Yn ’e moarn bejouwe se har yn ’t feestgerûs. Om healwei ienen hinne ride in pear geallliearde pânserweinen fan it Rokin de Dam op, in ferkenningsienheid fan ’e Ingelse Polar Bears-devisy. Famkes en jonges der boppe-op. Op itselde stuit stekke Dútse trucks tusken de útlitten lju de Dam oer en passeare de Ingelse brigade.
Twa oere middeis, alle militêren binne dan al wer fuort, stiet in troep Dútsers fan it dak fan ’e Hearesosiëteit De Groote Club nei de mannichte ûnder har te sjen. Underwilens wurde har maten op it Rokin ûntwapene troch de Binnenlânse Striidkrachten, wat net tastien is neffens it kapitulaasjebesprek. Om trije oere sjitte de Dútsers fan it dak ôf samar ynienen op de feestfierders yn. B290
Popke krijt in skot yn ’e holle, is bûten westen en ferstjert yn it Binnengasthuis.
Durk en Albert besykje mei de ferwezen famylje de begraffenis te regeljen. Der is krapte oan hout. Yn ’e earste moannen fan 1945 stjerre achttûzen minsken fan honger en kjeld. It omskot wurdt yn in koets nei Zorgvlied riden. ‘‘Daar liep ook nog het wiel vanaf. Alles was even krakkemikkig,’’ fertelt suster Bauk. Under de begraffenisstoet wienen ek Popke syn fersetsmaten, lykas Henk van Randwijk en de famylje fan Pam Pooters fan ’e fersetsgroep CS6, en Bet van Beeren. B295
Foto: Stadsarchief Amsterdam
Foto: Stadsarchief Amsterdam
Mazzel
Sjoerd sit in kear mei Popke en in stel freonen yn in kafee. Se prate oer de oarloch en oer Popke syn tûkens. Dan ropt Sjoerd: ‘Popke, jij hebt zo’n mazzel, jou schieten ze pas op bevrijdingsdag dood.’ THB
Ferslach fan Sanne Wiedenhoff*
As Popke de moarns by syn skoansuster Sanne van den Doel wei nei de Dam sil, seit er oandien tsjin har: Dit is de dag van mijn leven.
Sanne van den Doel-Wiedenhoff yn har offisjele ferklearring:
Mijn man, werkzaam als arts-assistent van de afdeling chirurgie in het Binnengasthuis was die dag vrij en wij gingen die ochtend naar vrienden alwaar wij enigen tijd later schoten hoorden, ongerust werden en naar huis gingen. Onderweg bemerkten wij dat er waarschijnlijk iets ernstigs gebeurde en mijn man besloot naar het Binnengasthuis te gaan. Ik vervolgde dus verder alleen, met ons kind van 8 maanden mijn weg naar huis, naar de Keizersgracht. Ik ontdekte vlak daarbij mijn zuster, totaal ontredderd, zonder schoenen, leunend tegen een boom. Toen vertelde ze mij dat er geschoten was op de Dam, vanuit het gebouw hoek Kalverstraat, Paleisstraat, en dat Popke, die de vluchtende menigte tot kalmte maande, en riep aan de kinderen te denken die er zouden verongelukken, plots getroffen werd door een kogel en neerviel. Mijn zuster werd meegesleurd door de massa en wist dus niets meer te zeggen hierover. B291
Ferslach fan Fedde Schurer
Dichter en skriuwer Fedde Schurer fiert mei frou en soan ek feest, se steane neist Popke te sjongen.
Schurer skriuwt yn syn biografy De besleine Spegel, hy is dan ûnderwizer yn Amsterdam:
Sa’t de earste swellen de maitiid oankundigje, sa wiene it de Ingelske Liberators, dy’t op in ûnferjitlike dei leech oer de stêd skearden en iten ynpleats fan bommen struiden. Ik hie de bern hjitten rêstich yn ’e bank sitten te bliuwen en mar troch de ruten te sjen. Doe’t de earste fleantugen ferskynden, stoden hja út de bank nei de finsters en skreauden as gekken de spanning fan fiif jier út. Ik haw nimmen ferbean; ik haw ek skreaud as in gek en gûld as in bern. In inkelde kear moat men dat dwaan, as it net oars kin.
De jûns fan ’e fjirde maaie 1945 waard troch de radio de ûnbetinge kapitulaasje fan it Dútske leger yn Wageningen mankundich. Flaggen dy’t al lang klear lein hiene, kamen op alle etaazjes nei bûten stekken, en de strjitten rûnen fol folk; in riedsel wêr’t hja al dat oranje sa gau wei hiene. Ik hie in grutte rûne kokarde op, dy’t blykber yn it dûnker misbegryp joech, want in goede dame kaam op my ta en sei: ‘Och mynhear, doch dy stjerre no ôf, it hoecht ommers net mear’.
Wy wiene allegear troch de wyn. Myn buorfrou naam my yn ’e earm en loek my yn in hosploech, har heechste liet sjongende/…/
Noch wiene Dútskers baas yn Amsterdam; yn ’e binnenstêd waard sketten.
De oare deis teagen wy mei ús trijen, Wil, Andrys [Schurer syn frou Willemke de Vries en soan] en ik nei de Dam, dêr’t wy foar it paleis mei in útlitten mannichte it Wilhelmus songen. Popke Bakker stie njonken ús, ien fan dy famylje dêr’t de SD fan sei dat hja in ‘Privatkrieg’ mei Dútsklân liken te hawwen. Doe’t wy, wer ûnderweis nei hûs, amper in pear strjitten fier wiene, hearden wy it roffeljend lûd fan mitrailleurfjoer.
Dy middeis mette ik Bert Bakker, de útjouwer, op ’e Weteringskâns, alhiel ûntdien.
‘Untsettend mei Popke,’ brocht er út. ‘Popke?’’ sei ik, ‘ik ha fan ’e moarn noch nêst him stien te sjongen op ’e Dam.’
‘Dan bin jim krekt op ’e tiid fuort gong,’ sei Bert. Ferwoedene en wierskynlik dronkene Dútskers hiene út ’e finsters fan it Grutte Club-gebou, harren kertier, blynwei har masinegewearen op ’e sjongende mannichte leechsketten. Popke wie dea. B292
Dat wiene ûnwêzentlike dagen, frij en net frij. Wy leauden it earsten, doe’t de tanks fan ’e Kanadezen Amsterdam yndaveren en it byld fan ’e ‘Maple Leaf’ alle strjitten en pleinen behearske.
In úthongere stêd fierde in wyld feest, dagen oanien; alles wat dûnsje koe dûnse en wat it net koe besocht it te learen.
Ja, it wie in wûnderlik feest, sûnder de needsaaklike yngrediïnten, sûnder snobberij en gebak, en dochs wie der gjin hâlden oan.
Henk van Randwijk skriuwt oer Popke:
De oorlog is voorbij maar op de Dam beginnen de Duitsers uit angst? door een misverstand? op de samengestroomde menigte te schieten. Ook iemand van onze organisatie hoort bij de getroffenen. Een kogel dwars door het hoofd. Hij sterft in het Binnengasthuis en we staan bij zijn sterfbed. Als hij dood is zal hij naar de kelder verhuizen want gelegenheid om te begraven is er allang niet meer. Gelukkig kennen we de chirurg en die geeft toestemming het lijk mee te nemen als we zelf voor vervoer zorgen. We organiseren een bakfiets, we wikkelen hem in een zeildoek, als we de hoeken om gaan in het nauwe straatje rolt het zeildoek met zijn inhoud in de lege bak van links naar rechts. Zo was de bevrijding. B292
Dieuwke Eringa (1911-2003) yn har autobiografy:
‘‘Weet je wat ik erg vind,’’ zei hij eens tegen me, ‘‘de allerlaatste kogel. Een oorlog houdt op, maar een mens krijgt die laatste kogel.’’ Die laatste kogel kreeg hij. B293
Aldste suster Bauk fertelt:
Bert Bakker heeft mij met een auto, hoe hij daar aankwam weet ik niet, opgepikt. Ik heb de familie achtergelaten [yn Leiden, dêr’t Bauk dan wennet] en ben met hem door de binnenlanden naar Amsterdam gereden.
Popke…! Hij lag opgebaard in zijn beste pak, in het prachtige kantoor van zijn bedrijf, in een slechte kist. Wat dat voor voeten in de aarde heeft gehad! Ze hadden toch een kist weten te versieren.
Er was helemaal geen eten meer, we stonden op een kacheltje maar wat te brouwen. Ietje was nergens…! Het was vreselijk. Ik heb aan één stuk door naar Ietje geluisterd die niets anders deed dan het verhaal herhalen. Aan één stuk door. Hoe de situatie was op de Dam, hoe ze eruit gekomen was en hoe ze zichzelf terugvond bij een boom. Een vreselijk verhaal. Ik heb al die tijd bij Ietje gezeten, almaar weer de herhaling: wat is er gebeurd? B293
Bertus Aafjes briefket oan broer Albert:
Popke was mijn beste vriend. Ik weet dat ik ook ener zijn beste vrienden was. Nu heeft een bijna ongeloofwaardig gebeuren ons voorgoed gescheiden. Ik kan daar nog bijna niet bij met mijn verstand. Voor mij is met Popke de meest onvervangbare en onvergetelijke figuur die ik kende uit het leven weqgerukt. De hand der tirannen heeft wel ver gereikt./…/
Het zal lang, heel lang duren voor ik over de pijn van dit verlies heen ben. Ik, die als man, sinds mijn jongelingsjaren nooit meer gehuild had, huilde toen ik het rouwbericht opende. Popke werd op mijn verjaardag begraven. Die dag had ik de hele dag het gevoel dat er iets verschrikkelijks gebeurd was. Eerst een paar dagen later wist ik wat het was. Popke zal altijd in mijn gedachten voortleven als de edelste man die ik ontmoette. Wil je Dirk en Baukje van mij condoleren en zeggen hoe een groot verdriet het verlies van een vriend als Popke mij berokkend heeft. Jullie broers zullen ontelbaren nooit vergeten. Popke herdenken zal voor mij altijd verdriet betekenen. Je Bertus. B296
Bertus Aafjes publiseart yn 1946 yn Vrij Nederland in artikel ta oantinken oan Popke Bakker: Ik had een vriend. B 314.
Tinkstiennen
Op ’e Dam binne yn 2016 foar de slachtoffers fan ’e sjitpartij op 7 maaie 1945 32 stienen dellein foar de minsken dy’t dêr doe omkamen. Der is ek in nammestien foar Popke Bakker by.
Yn stielen letters:
Ter herinnering aan de slachtoffers van de schietpartij op de Dam 7 mei 1947
Tekst tinkstientsje:
7 mei 1945.
Rond het middaguur rijdt een eerste geallieerde verkenningseenheid over de Dam.
Kort daarna vinden er schermutselingen plaats tussen Duitse militairen en het
voormalige verzet: de Binnenlandse Strijdkrachten. Om 15.00 uur wordt vanuit het
Duits steunpunt van de Kriegsmarine [De Groote Club] het vuur geopend. Er ontstaat
een vuurgevecht waarbij ten minste 32 doden vallen.
Dit monument, een initiatief van Stichting Memorial voor Damslachtoffers 7 mei 1945,
is onthuld op 7 mei 2016. Het participatieve ontwerp omvat 32 namenstenen.
www.amsterdam.nl/buitenkunst
Fotografy: Erfgoed Fundaasje
• Fotograaf tink: Miente Bram Bakker
Byldhouster: Nel Klaassen,
makke yn 1949 yn opdracht fan Albert
De lêste rigel fan dit fers fan Hendrik Marsman stiet op it byld foar Popke. Sjoerd hellet dy rigel oan as er syn deafûnis oanheard hat.
Phoenix
Vlam in mij, laai weer op;
hart in mij, heb geduld,
verdubbel het vertrouwen –Phoenix
vogel in mij laat zich opnieuw ontvouwen
de vleugelen, de nu nog moede en grauwe;
o, wiek nu op uit de verbrandde takken
en laat den moed en uwe vaart niet zakken
het nest is goed, maar het heelal is ruimer.
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje
Fotograaf: J. Colson, Oude Zijds Voorburgwal 189, Amsterdam.
BS
De froulju oan ’e rjochterkant.
Foarop: Jeannette Steen en Miente Bakker; dêrachter: Trijntje Okma en Durk Bakker;
Bauk Bakker en Henk Begemann; Aa van der Meer en Sjoerd Bakker.
Fotograaf: J. Colson, Oude Zijds Voorburgwal 189, Amsterdam,
’Fotograaf a.d. Burgerl. Stand – Prijs per stuk 75 cent’
BS
BS
Elf sonnetten op Friesland
Popke syn freon Bertus Aafjes lit Popke yn july 1944 witte dat er Dertien sonnetten op Friesland skreaun hat.
Aafjes skriuwt: Het boekje is in zijn geheel opgedragen aan Sjoerd. De sonnetten afzonderlijk zijn stuk voor stuk opgedragen aan Friese vrienden. De Bakkers nemen daarvan een leeuwendeel in beslag: Sjoerd, Popke, Albert en neef Bert. Er is iets aardigs te doen met dat boekje’.
Yn 1944 ferskynt klandestyn in fersebondel fan him by Molenpers te Amsterdam, dan mei de titel Elf sonnetten op Friesland. Aafjes hat dêryn in sonnet op Albert: Schaatsenrijders; op Bert Bakker: Het havenstadje; en op Popke: A la mignonne. B258
Earder liet Aafjes oan Popke witte dat it him net slagge wie om in gedicht op Sjoerd nei ’t sin op papier te krijen: Ik heb waarlijk mijn best gedaan, maar zoals gezegd ben ik werkelijk niet tevreden over het resultaat. B226
Sjoch foar alle alve gedichten: Elf sonnetten op Friesland
DURK
Yn oktober 1940 wurdt Durk lid fan ’e Oranjewacht, ôfdieling Ljouwert. In fersetsploech dy’t benammen bestiet út demobilisearde militêren. It doel is om derfoar te soargjen dat Wilhelmina wer út Londen weromkeare kin nei Nederlân, de groep is mei tûzenen leden warber yn hiel Nederlân. De Ljouwerter ôfdieling spioneart en beskikt oer wapens, mar gegevens nei Ingelân te krijen slagget net. De Oranjewacht hat kontakten mei de yllegale organisaasje de Geuzen. B129
Trijntje en Mient-en-dy ha allegear gjin aan fan Durk syn fersetsaktiviteiten.
Yn ’e hjerst fan 1940 wurdt Geuzelieder Bernard IJzerdraat ferret, arresteard en by him fynt de S.D. in bûsboekje mei nammen en adressen, ek fan ’e Oranjewacht.
Durk wurdt yn ’e nacht fan sneon 10 op snein 11 jannewaris 1941 troch de SD arresteard yn syn âlderlik hûs oan ’e Emmakade en fêstset yn it Oranjehotel, de gefangenis yn Skeveningen; hy sit dêr njoggen moannen. Yn septimber 1941 wurdt er oerbrocht nei Kamp Amersfoort, Häftling nr 392; B157. Yn novimber 1941 wurdt er dêr frijlitten. B137
Durk kin dy geastlike en lyflike martelingen min kwyt wurde. Dêroerhinne hat er it noch hyltyd dreech mei syn gefoelens foar manlju, benammen yn syn militêre tsjinst yn 1934 hie er dêr ek sa’n muoite mei. Mient tinkt dat it mooglik in oandwaning is dy’t foarby gean kin, mei help. Durk praat deroer mei syn hertsfreondin Trijntje Okma dêr’t er al sûnt de legereskoalletiid mei befreone is. De Okma’s binne thús yn rûnten fan ’e Vrije Universiteit te Amsterdam, professor Jan Waterink, dêr pedagooch en psycholooch oan it Pedologys Ynstitút, wurdt rieplachte. Dy riedt Durk en Trijntje oan om te trouwen, se nimme dy rie oan: de bêste garânsje foar in ‘normaal’ libben. It houlik is goed.
Tineke Haagen-Bakker fertelt: ‘‘Dan krijt Durk kunde oan Joop Broekman, arts te Amsterdam. Neigeraden rint har ferhâlding út op in leafdesrelaasje. Joop keapet in hûs mei dokterspraktyk oan it Singel 108. Durk, Trijntje en Joop nimme it beslút om byinoar te wenjen. Trijntje en de bern komme boppe, Durk en Joop ûnder. Joop rekket oan ’e drank en Durk en Trijntje helpe him dêr tydlik fan ôf. Mar Joop hat noch in oandwaning: hy kin net dele. Sadwaande kin er Trijntje net fele. De bern kinne it net litte om dy man te pleagjen.’’
Yn 1963 keapet Dirk it Singel 108 fan Sjef Bantzinger, de behearder fan Popke syn neilittenskip. Dirk ferkeapet it daliks troch oan Joop Broekman. Joop lit it hûs yngeand ferbouwe en lit ek de húskeamer fan ’e famylje Bakker ta sliep- en wenkeamer fan Dirk ombouwe. Dat is foar Trijntje de oanlieding om echtskieding oan te freegjen, dy wurdt yn juny 1965 ferliend.
Op 14 augustus komt Joop dronken thús wylst er tsjinst hat. Hy is op it Rembrandtplein troch in freon – Kees Huyg – opfongen en nei hûs brocht. Dirk is poer, omdat Joop wer drinkt en omdat er dat docht wylst er as dokter oproppen wurde kin. Joop giet neffens Huyg freeslik tsjin Dirk te kear. Dat is foar Dirk de lêste drip. Hy nimt genôch pillen yn om derút te stappen. As Miente om 23.40 thúskomt leit Dirk bewusteleas op Joop syn bêd. Miente bellet de plysje en de GGD, letter ek syn broer Popke, dy’t daliks komt. De GGD komt gau, mar kinne neat mear dwaan. Durk ferstjert om middernacht op Joop syn bêd. As de resjerzje Joop ûnderfreegje wol oer de gong fan saken, nimt dy ek hurd fergif yn. Hy stjkert om 02.00 hinne. As de resjerzje klear is mei it ûnderfreegjen fan Popke en Miente, kinne dy de famyljeleden belje. Albert nimt net op, Bauk wol, se komt mei Henk fuort op it Singel. De oare moarns komme Sjef, Ietje, Albert en Greetje ek op it Singel. Op in stik papier fine se de namme fan ’e kamping yn Bardoline dêr’t Trijntje, Truida en Martha kampeare.
Albert lit op it strân fan Bardolino oan ’e Gardamar omroppe dat mefrou Bakker daliks
kontakt opnimme moat. Ien fan har bern seit tsjin har suske: ‘Lach zo hard je kunt, want
we lachen nooit weer.’
De resjerzje seit letter tsjin Huyg of Albert-en-dy dat se Joop yn ’e peiling hâlde moatte: ’Pas
op die man, zijn ogen staan niet goed. (MB)
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Heit seit: ‘Durk komt foar in rjochtfeardige rjochter.’ Hy kin it even net oan en lûkt him werom.
In soad wurdt nei ús belle – guon yn dy ferskrikking sa nijsgjirrich as in hin mei in glêzen kont. Ik sis dat Durk syn hert der mei ophold. By in inkeling: Hij heeft het zelf gedaan.
Omkesizzer Leendert Runia komt by heit, hy seit: ‘Omke ik kin net in wurd útbringe, dat ik moast komme. Op wei dêrhinne lizze hege bulten en djippe dellingen, mar dêrachter leit Jeruzalim.’
Heit pakt Leendert mei beide hannen beet en skriemt. Dat sjoch ik dan foar it earst.’’
Fotograaf: J.M. van der Peijl, Nije Steech, Ljouwert.
BS
Durk Bakker
Fotograaf: Foto-atelier W. Coret, Laan van Eik en Duinen 238, Den Haach
Fotograaf: Foto Centrale, Haagweg 637, Den Haach.
TB
Fotograaf: Foto Centrale, Haagweg 637, Den Haach.
TB
Fotograaf: Foto Centrale, Haagweg 637, Den Haach.
TB
Fotograaf: A.J. Bosch, Okeghemstraat 10, Amsterdam.
TB
TB
SJOERD
As dúdlik wurdt dat de fersetsgroep dêr’t Sjoerd yn sit in oerfal dwaan sil op it Befolkingsregister oan ’e Plantage Kerklaan 36 te Amsterdam om de kaarten fan dy persoanen te ferjiskjen sadat de besetter dy tûzenen minsken net mear besette kin, sil Sjoerd de unifoarmen op maat meitsje, sekuer neffens model fan ’e Nederlânse plysje. B192
Sjoerd besjocht en besjocht de plysjefigueren op ’e dyk sekuer: har tailleard tunyk, snit, biezen, de njoggen granaatknopen, de blauwe kraachspegels en fansels de swarte stof. Dy wurdt him taskikt troch de ûntwerper fan Metz & Co en it stoffefabryk Hollandia Kattenburg yn Amsterdam, dat oant 1940 Joadse direkteuren hat. It guod wurdt besoarge oan Sjoerd syn atelier yn ’e Vondelstrjitte. Hy makket earst de unifoarmen foar Willem Arondéus en Gerrit van der Veen, lieder fan ’e Persoansbewizensintrale; Sjoerd nimt Willem de maat as lange skredige kaptein, Gerrit as grutte slanke luitenant. Se sille foarop marsjeare. Se krije fan him swarte laklearzen dy’t er kreëart út stevich karton, swart belakt; lykas ek de pistoalholsters. Se komme noch in kear om te passen en te mjitten. Perfekt, de pakken sitte as getten bemetten. Sjoerd is sels net sa seker fan dit uterlik fertoan.
Wêr’t er sels wol wis fan is, dat is syn eigen inerlike moed en striidberens. Dat homo’s fan natuere net weiten hintsjes binne; en mochten se froulike trekjes hawwe, wat is dêr yn ’e goedichheid mis mei? Willem en Sjoerd en Popke en Albert delibereare dêroer yn Sjoerd syn modern, ljocht, fredich atelier. Lau Mazirel, dy’t ek yn ’e fersetsploech sit, skikt derby; se fertelt letter dat Willem en Sjoerd har trijen belove lieten dat, mochten se de oarloch net oerlibje, sy dan yn ’e frijheid fertelle moasten dat it wêzen fan dy ‘mietjes’ wol krigel wêze kin en net laf.
Uteraard ûnthjitte Popke, Albert en Lau dat. B196
TB
Fotograaf: Violette Cornelius.
Foto: Vezetsmuseum, Amsterdam
Maatwurk
Sjoerd brûkt syn fakmanskip as kûpeur ek by de oanslach. Dy sil plak hawwe op 12 maart 1943, de njoggen fersetsstriders gean yn marstempo fan ’e Prinsengracht, oer de Magere Brug, fia de Nieuwe Kerkstraat nei it Artisgebou, mar as se de Weesperstrjitte oerstekke is dêr in razzia yn ’e Joadebuert. Se marsjeare daliks werom.
Foardat se op ’e nij út ein sette, sil mear unifoarmfertoan him jilde litte moatte. Sjoerd leveret no ek maatwurk foar fjouwer ‘gewoane’ plysje-aginten: de trije saneamde Rattenkruidjonges Rudi Bloemgarten, Karl Gröger, Coos Hartogh en Sam van Musschenbroek; dêrachteroan sille trije plysjemannen yn boarger rinne: Guus Reitsma, Cees Honig en Willem Beck. B199
Fotograaf: Emmy Andriesse.
Bijzondere Collecties Universiteitsbibliotheek Leiden
Fotograaf: Emmy Andriesse, se makket in fotoreportaazje fan Sjoerd yn syn atelier.
Universiteitsbibliotheek Leiden. B224. Katern II, pagina 4
Op 22 maart is it wer om ’e nocht: by it Befolkingsregister komme skjinmakkers yn ’t spul.
By it tredde besykjen op 27 maart sjogge se út ’e fierte dat twa plysjes op wacht stean. Se stevenje op dy mannen ôf en dy tinke dat se mei in detasjemint fan ’e gemeenteplysje te krijen hawwe, ûnder lieding fan in kaptein dy’t meidield dat se in spesjale kontrôle hâlde omdat ynslûpers it Befolkingsregister ynkringe wolle. De wachters ha gjin euvelmoed yn wat Willem Arondéus har allegear oan ’e noas hinget, want de kaptein sels hat op syn kraach in spegel mei trije stjerren en de luitenant ien mei twa. En har tenue is it nijste model unifoarm. En ien fan syn manskippen brûkt in bûslampe op ’t boarst dy’t ôfskerme is lykas wenst by de Amsterdamse polysje. B 201
Goed wurk Sjoerd!
Plysjeman Van Doorn docht foar de sabotaazjeploech de doar fan ’e feilichheidslotten en fiert him foar har iepen. Willem Beck en Cees Honig, beide arts, stekke yn Van Doorn en yn syn maat in ferdôvjende ynjeksje, lykas ek yn twa boargerwachten. Even letter wurde har ôflossers platspuite. Se lizze de acht manlju yn ’e Artistún om in feilich hoart letter by te kommen.
Se helje halje-trawalje de kaartebakken leech, smite de persoansgegevens op in bult, jitte alles baarnendewei oer mei benzol en lizze fakkundich de lonten oan. Se sette in boardsje foar de doar – Explosiegevaar – en marsjeare nei de Prinsengracht. Achter har fleane glêsskerven de loft yn ûnder it genot fan stekflammen en klappend freugdefjoerwurk.
Ferrie
Twa dagen letter set de Höhere SS-und Polizeiführer 10.000,00 gûne op de koppen fan ’e fersetslju.
Op 1 april hellet de SD Sjoerd út syn atelier en Willem út syn ûnderdûkadres, ferret troch in koerier fan har fersetsgroep, fia in freon, fia dy syn NSB-baas.
Koart dêrnei wurde ek de oaren arresteard, mei útsûndering fan Gerrit van der Veen.
Se wurde wreed ûnderfrege, op ’e brits rou oan ankels en polzen fêstbûn, lizze dei en nacht yn stekkend ljocht. Sjoerd en Willem krije fan ’e bewakers ekstra op ’e hûd omdat it fan dy flikkers binne.
Fia betroubere oppassers hearre Sjoerd syn sibben sa no en dan dat syn stoffelike tastân alderbenaudst is.
B211
Sjoerd en syn maten begean har dieden op hals en kiel, op straffe fan de dea. Se wurde ta de kûgel feroardiele.
Yn juny wurdt Sjoerd 28. Hy mei deis yn ’e Weteringschansfinzenis wat omrinne. Nei iensume opsluting fan moannen, sjocht er syn maten wer, guon fan ’e oerfallers foar it earst. B212
Sjoerd syn advokaat wol ha dat Sjoerd seit dat er in leafdesferhâlding hat mei Willem Arondéus, dan wurdt him syn skuld minder swier oanrekkene omdat er net oars koe. Sjoerd wegeret dat.
Hy en syn alve meistanners belibje de rjochtsaak krigel. Nei in sitting fan twa dagen nimme se it fûnis rêstich op.
Sjoerd siteart út Hendrik Marsum syn gedicht, de lêste rigel: het nest is goed, maar het heelal is ruimer. Dat fers stiet ek op it grêfmonumint fan Popke op Zorgvlied.
De dagen foar de eksekúsje binne de mannen net ferslein. Fersetsstrider Han Gotjé skriuwt letter: Ik verbaasde mij over de opgewektheid van de jongens; zij lachten, debatteerden en lazen om beurten hoofdstukken uit de Bijbel voor.
Foto: Stadsarchief Amsterdam
Oerwinners
Sjoerd mei de dagen foar syn dea besite ha. Heit Mient útfanhûzet by Popke op it Singel.
Heit en de bern wachtsje yn in keammerke yn ’e gefangenis oan ’e Weteringschans.
Even onearbiedich terzijde: de bern sizze altyd vader, want Mient praat mei syn frouwen Frysk mar mei de bern Hollâns, wylst er eigenaardich genôch o sa foar it jeselswêzen is en sa is er ek sielsbesibbe oan syn sweager Gêrm Brouwer. Dêroer Letter mear.
Sjoerd komt deryn – shining, seit Baukje, hy hat ús allegear treaste. Hy seit: Ik wol dat heit noch in kear foar ús allegear út ’e Bibel lêst, Romeinen 8:
30 En die Hij te voren verordineerd heeft, dezen heeft Hij ook geroepen; en die Hij geroepen heeft, dezen heeft Hij ook gerechtvaardigd; en die Hij gerechtvaardigd heeft, dezen heeft Hij ook verheerlijkt.
31 Wat zullen wij dan tot deze dingen zeggen? Zo God voor ons is, wie zal tegen ons zijn?
32 Die ook Zijn eigen Zoon niet gespaard heeft, maar heeft Hem voor ons allen overgegeven, hoe zal Hij ons ook met Hem niet alle dingen schenken?
33 Wie zal beschuldiging inbrengen tegen de uitverkorenen Gods? God is het, Die rechtvaardig maakt.
34 Wie is het, die verdoemt? Christus is het, Die gestorven is; ja, wat meer is, Die ook opgewekt is, Die ook ter rechter hand Gods is, Die ook voor ons bidt.
35 Wie zal ons scheiden van de liefde van Christus? Verdrukking, of benauwdheid, of vervolging, of honger, naaktheid, of gevaar, of zwaard.
36 (Gelijk geschreven is: Want om Uwentwil worden wij den gansen dag gedood; wij zijn geacht als schapen ter slachting.)
37 Maar in dit alles zijn wij meer dan overwinnaars, door Hem, Die ons liefgehad heeft.
38 Want ik ben verzekerd, dat noch dood, noch leven, noch engelen, noch overheden, noch machten, noch tegenwoordige, noch toekomende dingen,
39 Noch hoogte, noch diepte, noch enig ander schepsel ons zal kunnen scheiden van de liefde Gods, welke is in Christus Jezus, onzen Heere.
Tineke Haagen-Bakker fertelt: ‘‘Romeinen 8 wurdt tenei yn ús famylje alle 4 maaien lêzen en ek by oare tinkgelegenheden. Us Sikke sei: ‘Op alle rampendagen van de familie hoor, en die zijn er nogal wat.’
As Sjoerd by vader en ús yn dat apart keammerke brocht wurdt, troch twa Dútsers yn unifoarm, seit vader: ‘Sjoerd, hoe is it?’
Ik fielde dat oan as: Kom mar, kom mar.
Sjoerd seit: ‘Ik ben zo blij vader, zo blij, want ik ga naar Jezus toe.’
Dan freget Sjoerd at vader it Onze Vader mei ús bidde wol.
Onze Vader, Die in de hemelen zijt!
Uw Naam worde geheiligd.
Uw Koninkrijk kome.
Uw wil geschiede, gelijk in den hemel alzo ook op de aarde.
Geef ons heden ons dagelijks brood.
En vergeef ons onze schulden,
Dan hâldt heit op.
Sjoerd leit syn hannen op heit sines, en giet troch:
gelijk ook wij vergeven onzen schuldenaren.
En leid ons niet in verzoeking, maar verlos ons van den boze.
Want Uw is het Koninkrijk, en de kracht, en de heerlijkheid, in der eeuwigheid. Amen.
Sjoerd freget oan ús Albert at er de twa Dútse bewakers in hân jaan wol. Albert docht it.
Op ’e weromreis seit Flip:
‘Wij dachten dat wij naar een begrafenis gingen, wij komen van een bruiloft thuis.’
In pear manlju fierderop yn ’e trein hearre wat, se komme by ús. Se freegje. It docht bliken dat it fersetslju binne. Ek dan is de Heare der, en de weareld is dan sa lyts.’’
Bauk fertelt letter dat in jonge SS-er it keammerke ynkomt, in Hollanner, dy’t tsjin vader seit: ‘Jullie moeten hèm bedanken,’ en hy knikt nei Sjoerd, ‘want hij is goed voor mij geweest’.
B220
‘‘Koart dêrnei sil in aalmûzenier fanwegen it finzenisbewâld nei Sjoerd, mar dy achtet himsels in beswierlik boadskipper, lit stean treaster: ‘Die man is van gereformeerden huize, daar ben ik zeker niet in thuis.’
Hy skeakelet dûmeny De Graaf yn. Dy seit letter tsjin ús heit: ‘Niet ik heb hem getroost, maar hij heeft mij getroost.’’’
Mient skriuwt deselde deis, 29 juny 1943, oan Jeannette dat Sjoerd folslein rêstich is – en ree. Hy hie oan dûmeny De Graaf ek wat ferteld fan ’e swierrichheden yn syn libben en dat no alles helendal frede wie.
Dy swierrichheden binne de net-akseptaasje fan syn ‘oars’ wêzen, de net-útsprutsen homoseksualiteit – it grutte tabû, mar net by God.
Flak foar de eksekúsje meie Sjoerd-en-dy in lêste winsk dwaan. Sjoerd freget om in rôze oerstrûper, dy wol er oan ha as er stjert. Hy en Durk hâlde fan dy kleur. Willem Arondéus freget om skûmgebak. Se krije wat se yn dat stoflik opsicht winske hawwe.
Se begjinne op ’e nij te sjongen.
B222
Echt en goed
Sjoerd skriuwt in ôfskiedsbrief:
Lieve allemaal,
Het is onnodig jullie allemaal te schrijven hoe precies enz.
Jullie kennen mij allemaal en weten hoe ik was en ben. Ik hoop tot het laatste te blijven wie ik was en alles over te geven wat dit leven betreft. Jullie weten wat ik gevraagd heb: niet in wraak aan mijn dood denken, die op zijn tijd en plaats was, in het groots plan wat wij niet kunnen begrijpen en doorgronden. Ik dank jullie allemaal voor wat je voor mij bent geweest, ook de laatste dagen, het was echt en goed.
Dag, groet allen en bedank allen. Je Sjoerd.
P.S. Zorg voor Ali en groet allen van me. Dag.
Albert skriuwt in fers op Sjoerd:
Morgen is je laatste dag.
Morgen moet je sterven
Morgen sta je voor het peleton
Morgen moet ik je derven.
Jij bent in mijn leven alles geweest
Jij hebt mij het mooiste gegeven
Wat een man aan een man geven kan
Jij hebt je ziel voor mij open gelegd
Lang was de weg van jou hart naar het mijne
Fel scheen de zon en woedde de wind
Wij kusten de bloemen en zagen de zee
Schoon van onze vreugd en schrijnend om leed
Niemand, dan God, weet wat dit was
En wat het altijd zal zijn
Niets kan ons scheiden, wij blijven bijeen
Wij blijven altijd bijelkaar, altijd.
Strijd was je leven en overwinning is je dood
Mijn jongen, mij n held, wat ben je toch groot!
Liefste rust rust nu uit, je hebt het verdiend
Leg je hoofd in mijn schoot en doe je ogen nu dicht.
Ga nu slapen! Als je wakker wordt
Dan ben ik weer bij je!
Dan zien we elkaar weer altijd!
Dag, mijn jingen, tot ziens.
B222
De lêste nacht sjonge se sacht: Een vaste burcht, it Wilhelmus, Wilt heden nu treden, stikken út de Messiah fan Händel. Op 1 july, op in sinnige simmermoarn, wurde se deasketten.
It stoflik omskot fan Sjoerd wurdt fûn yn ’e dunen by Bloemendaal en idintifiseard troch Popke en Durk. Se sjitte fol as in flarde fan Sjoerd syn rôze blûze har oangappet.
Letter hat de herbegraffenis plak, op it Earefjild te Overveen.
Op Sjoerd syn tinkstien stiet: Doch de meeste van deze is de liefde. 1 Korinthe 13 : 57.
B304
Sjoerd Bakker is nûmer 10
Gerard den Brabander, freon fan Popke, skriuwt op fersyk fan Bet van Beeren, kastleinske fan ’t Mandje, in gedicht op Sjoerd Bakker. B242
IN MEMORIAN SJOERD BAKKER
Nu buigen wij ons leven
Over uw grooten dood,
al wat wij kunnen geven
komt uit den barren nood
ons naar de lippen wellen
en wordt tot klank een stem
en rinkelt in de schellen
van ’t heilig requiem
en heeft ons opgeheven
tot uit dien barren nood
verhief uw kleine leven
tot vaderlandschen dood.
Vader hâlde o sa fan al syn bern. Hy hie altyd trettjin, fjouwer yn ’e himel. As moeder swier is, wurdt er frege: ‘By in famke, wurdt it dan in Dieuwke?’
‘Nee, want ik hà in Dieuwke, en in Maaike.’
Foar Sjoerd hie er in swak. En foar my. Beide kreatyf. Wy leinen yn syn lijn.
Sjoerd wie heel kreatyf. Gjin lapke wie feilich foar him. En hy kreëarde út ’e holle, net neffens in patroan.
As ik tekenje of hantwurkje, wurd ik priizge troch myn trije muoikes Steen, allegear hantwurkûnderwizeres: ‘Se kin it wol!’
Vader: ‘Ja, mar út harsels.’
‘Do bist krekt Sjoerd, it komt út dysels,’ seit er. De Stenen knipten neffens stramynsels.
Sjoerd wie dryst. Hy hinget as lyts baaske op in stuit oan ’e flaggestôk op ’e Emmakade. Heit en Mine komme thús, sjogge de hichte yn en ferstive, mar Mine stiicht de treppen op, bûcht foaroer út it rút en seit deagemoedereard: ‘Sjoerd wolst in koekje?’ Sjoerd draait him om, op meters hichte him fan gjin kwea bewust, en seit: ‘Jawol mem.’
‘Kom mar.’ En Sjoerd krûpt fan ’e flaggestôk op syn koekje ta.
Yn Hamburch springt er fan ’e Elbebrêge ôf de swarte djippe rivierwetter yn. Dútsers witte net hoe’t se it ha.
Dy drystens wie syn dea, wolle guon ha. Mar dat wie gjin drystens, dat wie moed.’’
Stroffelstien
Foar Sjoerd Bakker wurdt yn 2021 in stroffelstien oanbrocht foar syn wenhûs anneks atelier, Vondelstjitte 24 te Amsterdam. Sjoerd wennet dêr sûnt 1941 mei Albert. Neist de foardoar hat er syn nammebuordsje: Sjoerd Bakker Couturier.
Dêrfoar wennet er op nûmer 17, mei syn freondin Ali van der Meer en Albert.
Vondelstraat 17
Fotografy: Erfgoed Fundaasje
BAUK
Bauk it opbrekken fan Mien en Mine har húshâlding komt Bauk by har muoike en omke Wiebigje en Sjoerd Eringa oan ’e Bergselaan te Rotterdam. Se is sûnt 1931 dêr ynwenjend faam by de famylje Boot, yn 1933 is se dêr noch faam, mar se wennet dan wer by tante Wieke-en-dy.
As Mient syn gesin op 27-8-1934 yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62 te Ljouwert wer gearfoeget, bestjoert Bauk dêr de húshâlding fan heit en broers en suskes Bakker.
It famyljeargyf fan har heit komt fia Tineke en Albert by Bauk te plak.
Fotograaf: F.O. Strüppert, Ljouwert.
BS
TB
Fotograaf: Jonker, Leiden; sinjeard.
TB
Fotograaf: Foto Centrale, Haagweg 637, Den Haach.
TB
TB
ALBERT
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Albert en Greetje wenje sûnt 1977 yn Spanje, dêr rinteniere se. Se kinne beide floeiend Spaans prate, lêze en skriuwe. Se ferhiere har hûs dêre. Om dat werom te krijen, moatte se dêr wenje, dus bliuwe se yn Spanje hingjen.
Albert komt yn ’e kunde mei in buorman dy’t Nederlâns praat. Se keuvelje wat en de man fernimt nei Albert syn famylje en krijt te hearren fan Sjoerd en Popke. Hy leit sa’n knoop! Tenei wol er perfoarst Albert syn tún foar niks dwaan. Albert: ‘Waar je dooie broers al niet goed voor zijn.’
Albert helpt lju by keap en ferkeap fan ûnreplik guod. Troch Henk Begemann komt er by Urantia. Greetje is soks wol goed, se is de gemoedlikheid sels en hobbelet mei. Albert en Henk sette The Urantia Book yn it Nederlâns oer, in heel kerwei.
Nei Albert syn ferstjerren lûkt Greetje yn in flat yn Emmen, dan fljocht se wer nei Spanje en se ferstjert yn in flat te Laren.’’
Hy draacht it Wurd by him.
Fotograaf: Foto Centrale, Haagweg 637, Den Haach.
TB
B288-Katern II, pagina 6
TB
TB
De ierdappelboat – Albert ist Gott
Albert wurket yn Amsterdam ûnder in false ferklearring as ynspekteur by it Rijksbureau voor Bouwmaterialen en kin sadwaande guod ferpleatse, ek iten foar ûnderdûkers. Popke hat dy false papieren ek yn ’e bûse. De bruorren wolle de hongerige Amsterdammers per boat oan ierdappels út Bitgummole helpe en dat kinne se allinne foarinoar krije bûten de Centrale Rederij en oare autoriteiten om. B267
Toni Boumans skriuwt dêroer, frij fertaald, B268:
Nei de oarloch fertelt Albert oan syn jonge broers Bram en Sikke hoe’t it gongen wie mei de ierdappelboat.
Albert hie mei in freon út Fryslân de boat sjartere op ’e skippersbeurs yn Ljouwert, mei de false papieren en jild fan Popke. By de famylje yn Bitgum [har omke Arjen Dirks van der Schaaf te Bitgummole] laden se de ierdappels yn. Se fearen út Harns wei mei twa flessen konjak ta har foldwaan.
Yn Koarnwertersân, by de slûs, wurde se tsjinhâlden troch in Dútse patrûljeboat. Twa Dútsers komme oan board om de papieren te kontrolearen. Se hearre dat Albert Geburtstag hie en dat in slokje skonken wurdt.
Se drinke fleurich mei op, en begeliede de boat oant de Oranjeslûzen by Schellingwoude yn Amsterdam, al sûpendewei.
Henk van Randwijk hat in wat oare ferzy, dy’t er beskriuwt yn In de schaduw van gisteren:
Popke en Albert soenen de missy ûnder lieding fan Albert oangongen wêze foar tsien flessen jenever. As de operaasje folbrocht is, wurdt dat fierd yn in kroech oan it Singel.
In beskonken Dútser hat de earm om Albert hinne en lalt yn brutsen Nederlâns:
Albert ist Gott! De Geest von Albert schweefde über de Sudersee.
De ierdappels wurde by de boat ôfhelle yn in frachtauto mei as sjauffeur Riek Schagen, húshâldster by Popke en Ida. B 269
As de befrijing op 4 maaie fierd wurdt yn it kantoar fan Vrij Nederlkand klimt Albert dêr – lichtelik beskonken – op ’e tafel en ropt: ‘Ik ben de Heere!’ B289
Dierbere omgong
Op 26 july 1986 wurdt te Bitgummole in twadde famyljereüny hâlden foar de neiteam fan Mine har heit en mem Durk en Baukje van der Schaaf-de Boer, in smite Van der Schaven, Bruinsma’s, Brouwers en Bakkers. Neef Albert Bakker is ek fan ’e partij.
Hy giet alhelendal op yn ’e smoute petearen mei de mannichte oan migen, dêr’t hy en syn bruorren en susters, doe yn ’e diaspoara, troch de fakânsjes dierbere oantinkens oan ha, en net allinne dat altiten. Mar ik bin Albert en ik bin te plak.
As de moarnssit yn ’e herberch Groot Terhorne plak rommet foar in keatspartij by de eardere Hege Bult, dêr’t Albert-en-dy wol boarten, rinne Albert en syn neef Doekele Brouwer om de bewende keatsperken hinne, oanienwei redendielend. Hoewol’t se beide as striders – fersets- en bestimpele Frysk-strider – wol oparbeidzje kinne, binne se foar teamsport poer ongeskikt, se ha dêr ek gjin ferstân fan en dat kin har neat skele. It binne beide ommers helendal gjin striders. Roppen? Ta striid? Beide net. Mar har blikken kontrasteare goedmoedich mei har keatsende en skôgjende neven yn kompetsjespul. In ûnwillige, dus net bedoelde provokaasje. Hawar.
Albert en Doekele dogge net mei. Striders yn hele oare opsichten.
Dat kinne se inoar no tabetrouwe – yn oer en wer ferlet fan hûs út wei fan jongsôf oan.
Albert, in wiere selsskepen moademan beklaaid mei heel wat help, yn syn kleurryk trijedelich pak. Filten hoed op, fleurich flinterstrikje foar. In echte Bakker.
Doekele, ek heel kreas yn ’e klean; mei smaak, mar net sa artistyk, oertsjûge fan it fermaaklik algeheel gebeuren. In stive man yn in stiif o sa’n betroulik pak mei ynhâld – en dêr hâldt Albert fan.
Albert syn koartswilich oansteklik praat, bemongen en trochkrongen fan leed en leauwen, bringt Doekele syn dingen yn beweging.
Se binne byinoar beide broas.
Dan nimt Albert Doekele yn ’e earm. Wetige betochte Doekele syn sterke earm, earm yn earm mei in man, syn longerjende neef. Om en om en om it iepen fjild, middenmank wettise sibben.
Sjoch ek: B320.
DIEUWKE
Dieuwke is in sterk famke. Op ’e legere skoalle lit se net mei har omboartsje, at it moat fjochtet se lykas in jonge, is it sizzen yn ’e famyljeskaar. Nei it ferstjerren fan har mem ferkast se nei har beppe Dieuwke yn Bûtenpost, mei Popke, Albert en Sjoeke. Brieven oan har heit binne bewarre bleaun. As se fjirtjin is, komt de húshâlding wer byinoar yn Ljouwert – wat is se bliid, lykas de oaren.
As bernefaam by de frouljusdokter dr Philippus Hoedemaker is se mei de trije lytse bern, Lotje, Bertje en Flipje, o sa op har plak. Hoedemaker is sûnt 1937 widner.
Se begjinne it mei-inoar te mienen en trouwe. Dieuwke is ienentweintich, Flip is fjirtjin jier âlder.
Broer Lammert fertelt letter dat Dieuwke foar har trouwen earst in kursus algemiene ûntwikkeling trochrint, om it statusferskil wat te sljochtsjen. Mar dat is mar foar de sjo, Dieuwke wit fan hûs út heel goed de etikette te hantearen en beweecht har maklik yn Flip syn rûnten.
Twa moanne nei de berte fan har soantsje Everwijn rekket se slim siik. Se wurdt opnommen yn it Diakonessehûs en ferstjert op 6 febrewaris 1942.
De troujurk, sluier en wale hat broer Sjoerd in soad flyt op dien.
BS
B144
Tante Lucie Bakker-van der Kluft (VII.14) riedt Zus Stallinga oan as húshâldster by har muoikesizzer Flip Hoedemaker; Zus har mem is in suster fan Riek Bakker-van der Kooi, de frou fan Albert Sjoerd Bakker (VII.9).
As Zus en Flip it mei-inoar as frou en man oangean wolle, giet Miente nei Zus har heit te Marrum om dy dêryn te hifkjen.
Nei it houlik wurdt Zus Stallinga fan ‘Juffie’, ‘moeder’.
TB
SJOEKE
Sjoeke ferfart as se 32 jier is mei man en bern nei Kanada. Yn ’e maityd fan 1963 komt se foar it earst sûnt har emigraasje oer. De famylje betellet de oertocht.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘As moeder yn ’t sikehûs leit, sil Sjoeke itensiede. Dora, de help, hat ek hyltyd op dat baantsje longere, mar Sjoeke wint. Se hat moeder frege: ‘Hoe meitsje ik hjir pudding?’
‘Safolle leppels sûker, safolle leppels puddingpoeier, in liter molke.’
Sjoeke siket in moai grutte sleef en docht dêr har poeier op, mei in dikke kop.
Dora stiet yn bestân, mar warskôget mar al: ‘Mefrou brûkt dy sleef noait foar soks, mar dat leppeltsje.’
Sjoeke harket net, sij is de kok.
As se de broers en susters har safraangele stevige petiele foarset, seit Albert: ‘Sjoeke, hellest de tsiisskaaf der ek even by?’’’
TB
TB
BS
se wenje tagelyk by tante Afke Bakker en oom Pier Eringa op it Jeltingahûs te Bûtenpost.
Fotograaf: P. van Eldik, Bûtenpost.
BS
yn Penang, 1946.
TB
Jeannette Steen, simmer 1966.
TB
LAMMERT
As mem Mine ferstjert wurdt Lammert oan ’e rynske tafel skood by muoike Leen van der Schaaf en omke Jan Searps Bruinsma, bouboeren op ’e romte ûnder Mullum. Dit Bakkerke hat it net nei ‘t sin op ’e pleats tusken syn fiif grutte nichten en neven dy’t wol niget oan dat glûpich bûkemantsje ha. Mar dit stedsjonkje hat it foar de moade om hyltyd fuort te rinnen. It foltallige gesin Bruinsma hat hâlden en kearen mei it fintsje, Lammert is altyd op reis. In kear duorret syn ûndernimmen wol heel lang. Se fine him sliepend yn in koets yn ’t doarp. De reislust is hjir net mear yn ’e stringen te hâlden.
Nei ryp berie mei vader Mient, wurdt lytse Lammert dan mar oerpleatst nei it Jeltingahûs, net yn ’e helte fan beppe Dieuwke – dy hat al fjouwer bernsbern en mear sibbentsjes ûnder de rokken, in oerbeppesizzer en in nichtsje -, mar yn it part fan tante Afke en oom Pier – dêr’t it jongste suske Maaike pleechbern is.
Oom Pier is net by steat om Lammert yn leafde oan te nimmen. Ut ferlet oan dat basisferlet skipet de jonge famyljesykte tink; nei ‘gelijkgestemden’ ta, dat wol. Sa kûsteret er de tagedienens fan syn neven en nichten, bygelyks Reimer en Doekele Brouwer. Hy opperet dat him no de gemiensumens iepenbieret fan har mem Mine en muoike Anne en it freonskiplik kammeraatskip tusken har heit Mient en omke Gerben Brouwer. Dizze minsken ha yn syn eagen yn har konfesjonelens wat onkonfesjoneels.
As er by neef Doekele Brouwer en Anne Hettema op ’e Twa Damkes útfanhûs komt – swarte of donkerblauwe baret op, útsocht kolbêrke, mei klear gesteven pantalon, kleurich festje – stevenet er nei syn safolleste bûtenlânse reis yn dat Hûs fan Hâldoan rjocht op ’e kuolkast yn ’e keuken ôf.
Om in flesse Jonge Bokma ‘kalt te stellen’.
Anne fersuchtet wer: ‘Lammert, dat hoecht ommers net, der stiet al ien kâld te wêzen.’
‘Twee kan geen kwaad Anny,’ wit Lammert syn sucht.
Under syn itensieden fan it ekskize miel foar ús, nimt er it earste behindich-achtich slokje.
TB
De Jûns ferhellet er oer syn aventueren as gids, fiert er reizgers yn eksoatyske úthoeken fan ’e weareld op as stienen se neist ús yn ’e keamer te orearen. Syn teatrale reisferhalen binne fermaaklik, de neef fan heit is tagelyk oandwaanlik. Al neigeraden de jûn foarderet, krije syn flarden fan ferslaggen groteske trekken en wurdt Lammert sels patetysk, bolderet syn laits. It is fermaaklik, it kin ek te bot.
De oare deis sliept Lammert snoarkjend troch de doarren hinne, noflik syn rûs út. En nei oerfloedich wol beslikke moarnsiten dêr’t er breed de tiid foar útmjit, nimt er Anny mei op stap. Se fiere earm yn earm de Nijstêd oer en Lammert wol foar har nije klean keapje, by P.S. Bakker. Se drinke kofje mei wat lekkers yn ’e Bellevue. Dit is Anne mei in oare man as Doekele sa net wend; se wit dat dit ek Lammert is. En Lammert hat no Anny even foar himsels yn fol betrouwen. Dat beide geane se te gast, it is in feest. Dy Lammert. Anny trochsjocht de knypeach – Lammert jonge, altyd dyn ferlet – kom mar, mar hy komt net – even al, en dan wer net.
Soan Roymer sit yn dy tiid mei syn fjirtjin jier op it Grifformeard Gymnasium te Ljouwert, hy kin dy kultuer dêre net útstean – in besiking is ’t. Lammert trunet him oan om troch te setten en stjoert him út alle wearelddelen kaarten mei oanmoedigjende teksten. Dat hoecht om Roymer beslist net. De aansichten út alle mooglike stêden rinne op ’t lêst yn ’e hûndert.
As Lammert dan ris op ’e boppeseal fan it Bitgumer kafee in saneamde Lammert-jûn hâldt, dêr’t er foar famylje en oare belangstellenden ophellet oer syn reizen, fertoant Roymer – sawat ferplichte troch syn heit – de kaarten beplakt en dien op ûneinige stikken karton – in besiking. De seal is foar de helte út ’e skroeven, it oare part dat sit mei kromme teannen.
Lammert nimt achterneven- en nichten by him op keamers yn syn syn hûs oan it Frederiksplein te Amsterdam, dan wennet Geartrude fan Doekele en Anne dêr, en Durk fan Reimer en Rom. Yn Amsterdamske kroegen hat er ek gauris sibben om him hinne.
Neef Durk Brouwer fertelt: Sa haw ik Lammert kennen
Ik wie in jonkje fan in jier as tolve doe’t Lammert by ús yn ’e Polder útfanhûs kaam. Heit en mem fertelden my dat it in neef fan heit wie, dizze man út ús famylje hie ik noch net earder sjoen. It klikte direkt, want hy hie in stuiterbaltsje út it bûtenlân foar my meinommen. Doedestiids wienen sokke baltjes hjir noch net te krijen. Ik wie der grutsk op en naam it altyd mei nei skoalle ta en boarte der mei op it skoalplein mei de skoallekammeraten. In primeur dat baltsje!
Lammert kaam meastal ien kear yn ’t jier in pear dagen by ús yn Luttelgeest en letter yn Frjentsjer. Hy woe dan ek wol meihelpe op it lân om, sa’t er sels sei “Wat aan te sterken”, mar der waard mear tiid ynromme om te praten oer leauwen en polityk ûnder it genot fan in stevige borrel. Faak mear as ien en dan foar it waarm iten om in oer as alve. En dan dêrnei even slûgje yn ’e stoel.
Op in kear doe’t it waarm miel behimmele wie, en it dus wer oan it knipperke ta, draaide in frachtauto it hiem op om balen ierdappels te laden, wêrop Lammert fersuchte: ’’O Heer, laat deze drinkbeker aan mij voorbij gaan”.
Lammert koe faak smeuïge ferhalen fertelle oer syn wjerfarren as reislieder mei in rynsk ferskaat oan groepen; bygelyks oer ongetroude Amerikaanse froulju, dy’t in eachje op him hienen. As Lammert op ’e praatstoel siet, wie ’t laitsjen geblazen.
Hy wenne yn Amsterdam oan it Frederiksplein op ’e hoeke fan ’e Utrechtsestraat boppe in kapperssaak. Ik wenne en wurke ek yn Amsterdam en doe’t ik der oare wenromte socht, koe ik in keamer en keukentsje hiere boppe Lammert syn etaazje. Myn nicht Geartrude hie dêr ek wenne.
Kafee Oosterling wie der flakbij en as Lammert by honk wie, hienen wy dêr de loop om in pilske; Lammert in bierke en in slokje, in kopstoat. Hy siet dêr dan te orearen mei BN-ers fan doe, lykas Simon Carmiggelt en de ferslachjouwer Koos Postema.
Op in stuit wennen al myn sân broers en susters yn Amsterdam en dan kamen dy achterneven en -nichten fan Lammert wol by him te iten, of hy by ús. As eksperimint hie er ris ien grutte gehakbal makke fan in kilo; dy bal hie wol hast in dei op stien, sei Lammert. Dat gefaarte wie teminsten goed gear en al it iten deromhinne wie hearlik! Lammert koe goed itensiede, mei in fierstente grutte skelk foar – dy humorist.
It sil erges begijn 1980 west ha, dat wy út it hûs boppe de kapperssaak moasten, omdat de kapper de saak ferkocht, stiet my sa by. Lammert ferhuze doe nei de Frans Halsstraat en ik koe in aardige wenromte krije yn ’e Da Costastraat yn ’e Kinkerbuurt.
Sa no en dan gong ik dêr by him op besite, mar it kontakt waard wol wat minder. Lammert wie faak op reis, of oars net thús.
Yn dy perioade ferhuze ik nei Tsjeppenbûr ûnder Wjelsryp en wie ik noch mar allinnich troch de wike yn Amsterdam, foar myn wurk. As ik dan ris even by Lammert sjen woe, kaam ik ek faak oan ’e tichte doar.
Doe’t ús heit en mem fertelden dat Lammert ferstoarn wie, en hy mooglik al wat dagen dea yn ’e hûs lein hie, skrok ik wol. Soe er al dea op bêd lein ha, doe’t ik de lêste kear oanbelle? In aaklike gedachte en in raar ein oan ús omgong.
Lammert syn wjerfarren op papier
As Roymer yn St.-Jabik en ik yn Bitgum op ússels wenje, komt Lammert by ús sa no en dan allyksa útfanhûs.
As ik myn artistike aspiraasjes even farre litten ha en bouboer bin op it âlderlik bedriuw te Bitgum, hawwe wy it deroer dat ik Lammert syn oantinkens en syn wjerfarren in kear op papier sette sil. Ik meitsje dêrta oantekeningen. Lammert fertelt en fertelt. En der komt wat út it selektive ûnthâld boppe.
Lammert ferhellet oer syn jierren by Oom Pier Eringa en Tante Afke Bakker op Jeltingahûs. Dat er him dêr sa allinne fielde; Lammert hat in tsjinoersteld karakter as dat fan Oom, hy is boartlik, fleurich en dryst; en djipgeander: Oom fielt wol oan dat Lammert ‘oars’ is en dat kin de man net fele. Tante kin dêr net tsjinop. Dus dêr hat er yn dy sin neat oan – krektoarsom, de swijenden kinne sanksjoneare, op ’e achtergrûn hearskje.
Yn it doarp hyt er: Lammert van de Burgemeester. Ferwachte wurdt dat er in toanbyld is fan kristelike deugdsumens, fan goed fatsoen, dat sûnder lek of brek.
Oom is aloan noartsker en stringer foar syn omkesizzerke. Lammert hat lykwols noch in fleurich karakter behâlden, en syn aard is oars ek ‘oars’. Oom kin Lammert net knetsje sa’t it himsels noasket.
Lammert sil acht jier wêze, as er in kear de dryste skuon oanlûkt. Hy kloppet op ’e doar fan Oom Pier syn hert, nee wurkfertrek.
‘Ja!’
Lammert rint foarsichtich nei ’t oerladen en toch kreas berette mânsk buro en seit: ‘Oom, morgen ben ik jarig.’
Oom riist oerein, trêdet op de jonge ta – en jout in fikse klap him yn ’t gesicht.
‘Lammert! Het feit dat je een halve wees bent, hoeft nog niet te betekenen dat je hier staat te liegen!’
Tante Afke komt troch de brede gongsdoar en huveret: ‘Pier, ik geloof dat Lammert waarheid spreekt. Vandaag kwam een ansichtkaart van die Anne Brouwer-van der Schaaf uit Beetgum.’
De kleau tusken Lammert en Maaike liket betiden djip te wêzen. Maaike, dy’t yn dit hûs oanhankelike leafde tabedeeld krijt. Mar dat Lammert Oom Pier net oanstiet, besterket krekt de bân tusken bruorke en suske.
De tsjinst trochstean
Lammert fertelt oer syn broer Durk dy’t yn militêre tsjinst net gedijt. Hysels wie ek poerûngeskikt. Hy lit syn famylje witte: ’Dit is de grootste vergissing die Hare Majesteit heeft begaan. Ik heb geen draad verstand van het leger, ik salueer maar wat.’ Syn rang hat er te tankjen oan syn gymnasiumoplieding.
Lammert lûkt paralellelen mei ús Gerben, dêr’t er smoarferlyfd op is. Us Gerben kin ek net oer dat kommandearen, razen, en flokken. Dy smyt sekuer opteard waskguod rebelsk op in tefreden grûn. Straf. Ik wit net mear wat.
Gerben is yn wêzen passifist, hy wol út dat militêre onbedriuw. Dat kin allinne as men jin fan oerheidswege alhelendal yn ’t al foar gek ferklearje litte. Lammert, dy’t reserve luitenant is, kin foar in S5 soargje. Gerben nimt dat oan; tsjin wil en tank – heel even opportunist foargoed ferkeard dan mar, want sokke kroaden binne net te brûken. Hy komt derút, wol beslist net boer wurde en wurdt foarearst toch mar ûnderwizer- mei anargistise ynslach op kristelike skoallen. En wylst mei in S-5 op sak. Onmogelik. Hoe’t er dat klearkrigen hat? Syn ontwapenjende sels. Oertsjûging fan anargisme en tagelyk hast bitend godsbetrouwen, wat dy – alhelendal net tsjinstrige – begripen dan ek mar wêze sille. Each yn each.
As ús Germ syn omskot – syn bebluodde leave holle fakkundich yn wite wynsels omwuolle – yn ’e foarkeamer mei hele besletten gerdinen op ’e Twa Damkes noch boppe de grûn stiet, komt Lammert mei reade eagen út syn bûtenlân oan. Yn ’e begraffenisneisit op ’e iepenbiere kâlde boppeseal fan herberch By de Grutte Pomp hâldt ek hy – yn ús ontreastber, onwillich gemoed, alles uteraard yn deze bedeling wol en net fan tapassing – in lykrede, de safolleste troch heit en mem ienriedich mei op-rjochte holle, knikkend tastien – want: Graach wol ik ek noch wat sizze. Lammert hâldt ús foar: ‘Wees maar trots op jullie S-vijfertje.’
Dy wurden dogge ús heit en mem en myn âldere susters yn it begripelike tsjinstwillich toch te betide rouproses sear. Sa wol ús ynleave broer net beneamd wurde.
Wy binne sechstjin en by my is – by ferlet fan onmiddelike treast sa ’t skynt – dan alle tagedienens erbarmjend. Wylst grutskens noch establishment ús deare.
Dêr hawwe Lammert en ik it oer. Lammert kin him skoan yntinke dat syn sizzen onferdraaglik – of wat binne de wurden – oerkomme kinne soe. Hy seit: ‘Ik kon het niet aanzien, jullie zaten daar als verschrikte vogeltjes. Vleugellam, geslagen ziel. Het ging over mijzelf Goasse.’
Psalm 42:3 berime:
Hart onrustig, vol van zorgen,
vleugellam geslagen ziel,
hoop op God en wees geborgen,
Hij verheft die nederviel.
Eens verschijn ik voor den Heer,
vindt mijn ziel het danklied weer:
Hij, mijn God, Hij heeft mijn leven
dikwijls aan den dood ontheven.
Nei it ferlies fan ús Germ ha ik fan de sterveling Lammert Bakker in eigenaardige grondige treast befûn. En ik wit dat er dat letter ek nei ús heit en mem ôfsûnderlik ta die. Yn trou belibbe.
Dat binne in hele protte foarsichtige dingen.
Lammert fertelt oer syn fjouwer âldere bruorren har yllegaal bestean. Hy fielt him skuldich dat er net meidien hat. Syn broers ha neat oan him hân. Ik gean dêr – histoarysk net ûnderlein – tsjinyn. Toch wol, Lammert hat har moreel stipe, al hoe jong er ek wie.
Hy fertelt oer Durk, Sjoerd en Albert har ‘oars’ wêzen. Oer de aparte houliken fan Durk en Albert.
(Sjoch ek: B321)
Ik bin 22, fiel my besterke en tagegelyk benearet my in frjemde takomst.
Neigeraden syn besites in hoart wenst wurde, wint de gemiensumens oan.
Lammert begeart mienskip mei my neffens it flesk, dy jonge hearlikheden wol er fan my priuwe. It hinderet Lammert neat mear, it is net mear ferkeard – en it bliuwt yn ’e famylje, is Lammert fan betinken. Ik hâld fan dizze man. Mar sa ha ik gjin sin by him, dat it bliuwt flesklik by it even striken oer in weromlûkende knibbel. As fansels in net tastien befredige ferlet.
Lammert sjocht my oan. Wy kinne glimkje. En sitte út de stille hege keamer wei de wide fjilden oer te sjen.
Dan rekket Lammert skruten op ’e tekst oer in skuld, sa’t Lammert seit. Hy hat it oer syn ferrie, sa’t er seit.
Flak nei de befrijing sjocht er fuortby har hûs oan ’e Emmakade op in boat in jonge Dútse soldaat, noch yn unifoarm. Se skôgje inoar. Dy eagen. Se wolle beide. Se jouwe har yn it skip oaninoar oer, sereen, fredich en tear.
Lammert sjocht my oan: ‘Mag je me nu nog wel, Goasse?’
‘Ik ha dy der ek noch leaver om.’
Wy rûke no yn ’e keamer troch it opkeammerke alheel út ’e keuken wei Lammert syn hele lekkere blomkoal, anneks blomkoalsaus, boppe nije appetijtelike ierdappeltjses.
Oanbaarnd.
Wy sette wer wat fan Bach op. O haad mei wûnen dutsen.
Ferskil fan aard
Lammert en Oom Pier akkordeare net. Ferskil fan aard yn alle opsichten.
Oom Pier liket fleskwurden macht út ûnmacht. Hy stiet stiif fan ’e tsjerklike en maatskiplike ferantwurdlikheden.
Lammert huppelet fan sielefreugd it leafst hearlik bûten de stringen. Hy wol himsels ferlosse út de otterdokse keatlingen.
Oom Pier is in yngreven puritein. It is in keken man dy’t swart by houlikstrou. Neffens de skeppingsoarder: man en vrouw schiep hij hen. (Genesis 1:27)
Lammert giet yn syn letter libben deropút om yn ’e folop anonime fleislike omgong mei jonges en manlju te ûnderfinen.
Pier is stânfêstich oant syn dea.
Lammert bliuwt op syn sterkst sein lossinnich.
Tineke Haagen-Bakker: ‘‘Lammert kin úteinlik as jonkje net tsjin oom Pier op. Hy komt in protte by de seis bern fan dûmeny Goslinga* oer de flier. Dêr komt er fan ’e hel yn ’e himel, sa’t er dat belibbet.
Nee, oom Pier is net sa maklik yn dingen. Op ’e begraffenis fan tante Wieke kondolear ik him, hy sit neist dûmeny Goslinga.
As ik dûmeny ek in hân jou, freget dy oan oom Pier: ‘Is dit een zusje van Maaike?’
‘Nee,’ seit oom Pier.
‘Nee? Is dit geen zusje van Maaike?’
‘Nee!’
‘Je zou toch zeggen.’
‘Ja! Het is er één van de tweede uitgaaf.’
Ik lis yn in bocht. ‘Wat is dat een ouwe sukkel,’ sis ik tsjin myn âldste broer. Popke: ‘Hij zegt het met recht Tineke, je bent een herdrukje.’
Popke, dy’t ek in hoart by har op Jeltingahûs bivakkeart, by beppe, stiet oom Pier wol. Mar hy hat de keunst en de leeftyd om mei oom yn syn eigenbelibbing troch te boartsjen. Lammert is te jong. It is hytyd wer oars, der is noait sekerheid. Wurde je no wol, of net aksepteard. It is op ’t lêst gjin fraach mear.
Popke is kammeraat mei Simon Goslinga, soan fan dûmeny. Se ha in skarreltsje yn Twizel. It is winter en it is snein. Op ’e Dei des Hearen mei men net fytse, mar rinne is de knapen yn ’e kjeld te fier. Se stippe wat om. Se pakke de fytsen út it fytsehok fan Oom Pier. Werom by tsjuster dogge beide ljochten it net. Se wurde troch oom Pier syn fjildwachter snipt. Se moatte foarkomme by it Sanhedrin. De Kuery hat sit by oom Albert yn ’e foarkeamer yn har grutte hûs yn ’e buorren.
Yn ’e midden setelje oom Pier en tante Afke, links oom Albert en tante Riek, rjochts dûmeny Goslinga en mefrou.
‘En? Popke Bakker?!’ begjint oom Pier.
Popke: ‘Oom, had er dan ook voor gezorgd dat uw lichten het deden. Dan hadden wij hier nu niet hoeven staan’.
De begraffenis fan oom Pier slacht alles. It begjint mei vader, dy’t de ferstoarne noch even besjen sil, op fraach fan ’e boade. Vader stroffelet komt mei de noas op ’e kiste del. ’t Goedkeap kommentaar: Bakker sjocht oft de man wol echt dea is.
Wy sitte wer keurich yn ús swarte rouklean, de fâlden glêdstrutsen, as dûmeny it middenpaad betrêdet, de holle bûgd, hannen op ’t boarst oer de liturgy hinneteard. Dêrachteroan tante Ids, al mar wiuwend nei alle famylje en kunde.
Nei de preek sil boargemaster Van Ek in tankwurd útsprekke út namme fan sa’n fyftjin ferienings. En dat giet sa: ‘Namens de Onderlinge Brandweer Maatschappij, waarvan de geachte overledene jaren voorzitter is geweest, een woord van hartelijke dank!’ En dat docht Van Ek fyftjin kear. Nei him nimt in oare boargerfader it roer oer: ‘Vriend Eringa…’
Dan komt omkesizzer Pier Eringa oan it wurd, soan fan oom Jan. Se ha in Hearemoadesaak te Snits. No, dat is net te fernimmen – of àl. Dizze Pier hat in griis-blau pak oan, mear ljocht as donker, mei in krytstreep. Hy hat de hannen yn ’e bûse en begjint: ‘Oom Pier is met vacantie, al vier dagen lang geen regen, geen depressies meer…’
Bûten eazet it. At wy nei it tsjerkhôf gean, rydt de hele famylje – de measten binne fansels ek al âld. Mar wat heel ûngebrûklik is: achter de auto’s komme no de autoriteiten oan, rinnende.
De broer fan oom Pier, oom Sjoerd wie ek steech. Bauk hat dêr allinne yn Rotterdam by har tante Wieke en dy man in dreech ein libben hân. De oare bern learden troch op ’t Gymnasium, sy die de Húshâldskoalle en moast út te tsjinjen. Se fielde gjin nêstwaarmens. Letter miende se wol dat se sels tekoart skeat yn leafde foar bern en bernsbern.
Se hie ek it idee dat har beppe Dieuwke op Jeltingahûs yn Bûtenpost har net sa aardich fûn. Ik tink dat it wat oars siet. Beppe Dieuwke is sels jong wees wurden en doe is se mei har suskes en bruorke oer de famylje ferdeeld. [Sjoch: Kertiersteat Dieuwke Althuisius] Dat hat se freeslik fûn. Dêrom naam se letter sels wezen en healwezen yn har gesin op. Mar Bauk siet yn Rotterdam, dat wie foar beppe en Bauk beide in grut fertriet.
Bauk har eigen bern ha eins fan ’e Bakkerskant gjin pake en beppe meimakke, want vader en moeder wienen besteld mei ús, de fjouwer lytsen út it twadde nêst. Dat de âldere bernsbern kamen noait by vader en moeder útfanhûs. Ja, Bauk en Henk Begemann hienen wat muoite mei de fjouwer jongsten, begryplik. Har âldste dochter, Nienke, is mar in healjier jonger as my. Doe’t ik sa’n fanke wie, naam Bauk tsjin my ek in soarte fan ôfstanlikens yn acht. Dat wie suver oandwaanlik, se wist net hoe’t se it ha moast.
Bauk har heit wie pake en tagelyk in âlde heit – teminsten. Henk wie dêroerhinne net sa Bakkerjonges-achtich – te floatich en net op status tink -, wylst er stapelgek op vader wie.
Vader hie foar it each leaver mar wat de gek mei fan alles. Hy kaam in kear by my oan ’e doar, as in âld skarlún, alhelendal krom, dy smycht: ‘Zie je deze oude man Tineke?’ bromde er. ‘Je oude vader wordt straks nog overgrootvader ook.’
Nei’t ik in kear by Bauk-en-dy útfanhûs west hie, feroare har tebekhâldendheid. Se sei: ‘Ze doet alles net als vader.’ Ik waard har eigen, har ôfstannigens ferswûn foar neibijens. It wie tenei: ‘Mijn lieve Tineke.’ En as der letter yn ’e famylje wat is, bellet se my op: ‘Tineke, doe er wat aan!’
Bauk wie wol ien dy’t libbenslang trou hold, dêr moatte je djip respekt foar hawwe. Sa socht se har tante Wieke op ’e âlde dei ien kear yn ’e wike op. En moeder is stoarn mei de iene hân yn harres en de oare yn Bram sines. ‘Ja Tineke, ze is wel veertig jaar mijn moeder geweest,’ sei se.
Stof foar in boek, ja. Dêr wie har beppesizzer Baukje Brugman leau ’k al oer gear.
Wy hienen it oer Lammert. Hy is betiden gek mei de bern. As se de skuon foar Sinteklaas opsette, hat er yn syn eigen skoech in pûdsje mei sâlt set. Dêr maneuvelet er wat mei om, ik wit net hoe’t er it hat, mar de bern binne slap fan ’t laitsjen.
Lykas elkenien hat Lammert betiden ek syn streken. Neef Hilbrand Bruinsma [restauranthâlder yn it Ald Stasjon ûnder Mullum], bellet op. Tineke, witsto ek wêr’t Lammert bliuwt? Hy soe hjir in oere lyn komme mei in busfol Amerikanen.’’
Lammert hat in freondinne dy’t it sa bannich hat, dat se in fakânsjeplak foar har bern siket. Lammert freget syn nicht Bauk Brouwer. Ja dat kin wol. As de freondin de bern wer fan ’e pleats hellet, is it: En nu gaan we op vacantie. Foar Bauk in ôfdijer.
Tineke: ‘‘Ja dat is ús Lammert. Yn it Algemeen Dagblad stiet in kear dat er fermist is. Syn groep sit sûnder gids. De famylje oerémus. Allinne Henk bliuwt kalm: ‘Wedden dat ie thuis zit!’
Der is al fan alles betocht en dien. Oant ien betinkt om Lammert dan toch mar ris te beljen: ‘Met Lammert Bakker.’
De groep hie sa ferfelend west, dat hy hie him smeard.
Nee, at Lammert him oankundige, makken wy it bêd net earder op dat er yn ’e keamer stie. Wy akseptearden him mar sa’t er wie.
Lammert wie nei my ta ek heel lojaal. As moeder op stjerren leit, reizgje ik hals oer de kop út Spanje wei, dêr’t ik útfanhuze by Albert en Greetje. Dea-ynein kom ik yn Ljouwert oan nei in busreis fan 44 oeren. Moeder is ûnderwilens al ferstoarn. Yn it stjerhûs seit Lammert: ‘Ik blijf bij Tineke’. Lammert rekket op it bêd fan moeder, Bram op ’t útfanhûzersbêd en ik op in kampeargefal. Bram seit: ‘Lammert laat jou niet in de steek Tineke.’ En sa is dat.
As er fyftich wurdt, wolle Bauk en Ietje allebeide in itentsje organiseare. Mar se wolle allinne de ‘grutten’ útnûgje. Dêr bedankt Lammert foar, as de lytsen net wolkom binne, dan gjin feest. As puntsje by pealtsje komt, fiere Sikke en Lammert mei har beiden Lammert syn jierdei ‘op gepaste wijze’.
Lammert is fûn doe’t er al in skoft dea op bêd lein hie. Dat wol net sizze dat er gjin freonskip ûnderhold, by riten liet er neat fan him hearre. Gelukkich wie ’t in hertstilstân, sûnderdat er it sels dien hie; ja min ofte mear bliid binne je dan ek noch.
Syn lêste fyt wie de klûs by de Nederlandse Bank. Wy moasten witte wat dêryn siet, net sasear om ’e sinten, mar om syn lêste wil oangeande syn begraffenis. Krekt dêrfoar stekke wy de kaai yn ’t slot en dy brekt. Mei in hierspjeld begjint de emplojee der yn om te tyskjen. Lang om let siicht de swiere doar mei in djippe sucht gestadich iepen.
Fiif ryksdaalders, in stik of fjouwer Kennedymunten, wat diploma’s, in pear kleinichheden, en dat is ’t sawat.
Gjin begraffeniswinsken.
Lammert hie in ôfgryslik soad freonen, dêr fierde er ek Sinteklaas en Krysttyd mei, se wienen o sa wiis mei him, oan de taksysjauffeurs ta. En hoefolle at net op syn begraffenis wienen, in hopen oandien.
Albert hat heel moai sprutsen. By de grêfkûle seit er Romeinen 8 út ’e holle, memmes tekst.
En by Lammert wurdt ek oppere: ‘Je bent in Gods handpalmen gegrift, wroet je daar maar weer eens uit.’’
MAAIKE
Op 28 july 1945 komme de Bakkers byinoar oan ’e Emmakade te Ljouwert. Sjoeke kundiget har ferloving mei Jo Fokkinga oan. Maaike kin út Harns wei lifte mei Kanadezen yn in jeep. It is in fleurige boel. Mar dan komt nicht Pietertje van Mourik, ferpleechster yn Ljouwert, oan ’e doar. It wurdt deastil. Dy fertelt dat de Kanadezen by Dronryp tsjin in beam oanriden binne. Maaike wurdt út de auto slingere en fertsjert yn ’t sikehûs te Ljouwert.
Suster Bauk neamt it in kealslach yn ’e famylje: earst Dieuwke, dan Sjoerd en Popke en no Maaike.
B302.
BS
BS
Mient en Jeannet prate Frysk mei-inoar,
mei de bern Nederlâns.
En dy sizze vader en moeder, net pa en ma, of sa.
TB
‘Skiednis jûch ik it leafst. Ik hie njoggens en tsienen op ’e middelbere skoalle en in geheugen as in izeren pot.’
Fotografy: Het Scheepje, Dimpte Pol 31, Snits.
TB
en Lammert en Tineke Bakker, 11-3-1969.
TB
Tineke Haagen-Bakker: Eins ha allinne myn trije bern in pake en beppe hân. De bernsbern fan ’e ‘grutten’ kamen noait útfanhûs omdat de fjouwer jongsten der wienen. En foar de alderjongsten fan Gerrit, Sikke en Bram wie vader op ’e âlde dei as in brânspuit: ‘Ssst, sst.’
TB
Foto: Erfgoed Fundaasje
Gelikenis
As Tineke Bakker geboaren wurdt is de gelikenis mei bern út it earste nêst frappant. Se wurdt mei har skelich eachje oansjoen foar lytse Dieuwke. De foarm fan it gesichtsje hat krekt dat fan Maaike. Har kreativiteit is dúdlik skipe fan Sjoerd en kwa karakter is se sprekend Popke.
Mient komt in kear mei har by tante Ids (VI.4) te Bûtenpost. Dy fertelt letter: Bern, wat waard ik kjel, ik tocht: Dêr is Mient mei Dieuwke!
As omke Doekele van der Schaaf har sjocht, flapt dy der steefêst út: Och myn leave Dieuwke.
Skoansuster Greetje makket itselde troch as dy Tineke alle kearen wer oansjocht foar Maaike.
En Bauk stapt in kear har atelier yn, sjocht har oan it nifeljen en is fuort oandien: Het is of ik m’n broertje Sjoerd weer terug heb, lieve Tineke.
Tineke seit tsjin har heit: ‘Vader u kunt nooit van mij houwen, want ik lijk op alle vier dooien in de familie.’
Vader: ‘Die vier met-elkaar maken jou Tineke.’
En it rint noch in generaasje troch: as Tineke har dochter Greetje in kear mei har tekstile feardichheden de krante hellet, bellet nicht Bauk Visser-van der Schaaf Mient op: ‘Omke, ik skrok sa. Wat liket dy Greetje op Maaike! As twa drippen wetter.’
TB
op it balkon achterhûs oan ’e Emmakade te Ljouwert.
TB
Fotograaf: S. Oppelaar, Den Haach.
TB
TB
TB
TB
TB
TB
op ’e troudei fan Sikke en Lidy, 17-10-1967.
De troubibel is yn hannen fan Bram.
Fotograaf: Foto ‘Riejo’, Rijksstraatweg 1, Haarlem.
TB
TB
TB
TB
GENERAASJE IX
Foto: Verzetsmuseum Amsterdam.
Fotograaf: J.M. Bakels Jr, Eemsstraat 57, Amsterdam.
TB
Fotograaf: J.M. Bakels Jr, Eemsstraat 57, Amsterdam.
TB
Fotograaf: A.M.A. Susan, Den Haach
Arie Matthijs Abraham Susan * Den Haach 3-2-1880 † dêr 11-11-1948; Fa. A.M. Susan & Co.
TB
Fotograaf: J.M. Bakels Jr, Eemsstraat 57, Amsterdam.
Johannes Machielis Bakels * Amsterdam 13-7-1885 † dêr 13-7-1959.
TB
.
Fotograaf: A.J. Bosch, Okeghemstraat 10, Amsterdam.
TB
22-5-1965.
TB
TB
TB
Neamd nei syn oerpake Everwijn Gerrits Barger (Nigtevegt 1846-Amsterdam 1917),
NH dûmeny te Lunteren, Maasluis, Haarlem.
Fotograaf: M. Mellema, Ljouwert.
TB
TB
TB
TB
TB
GENERAASJE X
mei Imme, Tessel en Jente.
Alle trije geboaren op in mienskiplike famylje-jierdei-dei.
Peter: ‘‘Hoe heb ik het versierd.’’
TB
TB
TB
Boarnen û.o.:
- Lammert Sjoerd Bakker, Stamboom Bakker-Althuisius; eigen behear, Bithoven, 1995.
- Miente Bakker, nr IX.2 yn dizze genealogy, meidielingen (25-11-2021), Alkmaar, oantsjut mei: MB
- Tineke Haagen-Bakker, nr VIII.10 yn dizze genealogy, meidielingen (18-11-2021), Bûtenpost, oantsjut mei: THB
- Toni Boumans, Je mag wel bang zijn, maar niet laf – De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker, Uitgeverij Balans, Amsterdam, 2021 ISBN 978 94 638 2117 9. By ferwizingen en parafrazen dêrút is soks oantsjut mei Bakker en it sidenûmer: B1, ensfh.
- Goasse D. Brouwer, Uttreksel Stambeam van der Schaaf, eigen behear, Bitgum, 1978.
- De Kommisje, Durk en Baukje (út weinmakkers ta keaplju en oare fûgels) Utflein fan Bitgummole oant Bagdad en fan Dyksterhuzen oant Lillydale; eigen behear, Bitgummole, 1986.
- Arend Middel, Familie Van der Schaaf – Beetgum – Parenteel, eigen behear, Assen, 2009.
- Genealogy Bruinsma (Barradiel) VII.1 en VII.3
- Genealogy Brouwer 1 XIV.1
- Mattie Bruining-Hoeksma, genealogise gegevens Bakker
- Dieuwke Eringa, Ik ben van elf, autobiografy, Uitgeverij Bert Bakker, Amsterdam, 1992 ISBN 90 351 1244 X
- Foto’s oangeande it doarp Bûtenpost: Stichting Oud Achtkarspelen, mei tank oan Mattie Bruining-Hoeksma; oantsjut mei: OA
- Foto’s út de Kolleksje Bakker-van der Schaaf binne oantsjut mei: BS
- Foto’s út de Kolleksje Tineke Haagen-Bakker binne oantsjut mei: TB
- Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius
- Trouw
- Traces of war.
- It argyf fan Miente Popkes Bakker – mei dêryn ûnder oaren de foto- en brievekolleksje – reizge fia Tineke Bakker (VIII.10) en Albert Bakker (VIII.5) nei Nienke Begeman (IX.6).