GENEALOGY BAKKER (Bûtenpost)
Je mag wel bang zijn, maar niet laf, dat seit fersetsstrider Popke Bakker tsjin syn jongere broer Albert yn dy syn twifelriedigens. Dat is ek de titel fan it boek fan Toni Boumans oer de De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker, dat yn 2021 ferskynde.
Dizze diel-genealogy kin tsjinje as hâldfêst en oanfulling. Yn gearwurking mei de auteur wurdt ynformaasje út dy famyljekronyk oanhelle, mei dêrby opjefte fan it (earste oanbelangjende) paginanûmer, lykas B113 (=Bakker side 113).
Dizze stambeam Bakker omfiemet it parenteel fan Miente Popkes Bakker en Trijntje Dirks van der Schaaf (VII.1). Dêroan foarôf giet in stamrige.
Yn ’e twadde generaasje, ein 18de iuw, is Binke Rintjes bakker fan berop, syn soannen neame har Binkes en Bakker. De Bakkers bedarje fia it winkelmanskip en manufaktuerij yn ’e gerennomearde moade: P.S. Bakker is lang in begryp foar maatwurk.
It is de bedoeling dat dizze genealogy folslein yn it Ingels oerset wurdt.
Klik foar in foarpriuwke op it flachje yn it haadmenu.
Click on the flag in main menu for English.
Klik op ’e yllustraasjes foar grutter.
Leginde
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
B1 = Bakker side 1 (Toni Boumans, Je mag wel bang zijn maar niet laf)
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind
G = Grifformeard
KG = Kristlik Grifformeard
NH = Nederlâns Herfoarmd
RK=Rooms Katolyk
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Klik hjir foar in grafyske foarstelling fan de genealogy op dizze side
Ynhâld
- Stamrige – Generaasjes I-III
- Generaasje IV
- Generaasje V
- Generaasje VI
- Generaasje VII, bern fan Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Dirks Althuisius
- Pietertje Bakker
- Aafke Bakker x Pier Eringa
- Sjoerd Bakker x Geertrui Visser
- Idske Bakker
- Wiebigje Bakker x Sjoerd Eringa
- Dirkje Bakker x Cornelis van Mourik
- Durk Miente Bakker
- Albert Sjoerd Bakker x Hedzerika van der Kooi
- Miente Bakker x Trijntje (Mine) van der Schaaf
- Neeltje Bakker
- Lammert Bakker x Egberdina Hendrika Kuitert
- Neeltje Bakker x Tæke Bakker
- Sikke Bakker x Lucia Willemina van der Kluft
- Hendrik Bakker
- Abraham Bakker x Hendrika Egberdina Dik
- Stefanus Johannes Paul Bakker x Cornelia Houtman
- Generaasje VIII Bern út it earste nêst – Mient Bakker en Mine van der Schaaf
- Bern út it twadde nêst – Mient Bakker en Jeannette Steen
- Generaasje IX
GENERAASJE I
Rintie Bintjes
x Balk 14-8-1702, beide fan Balk, Nies Sjoerds,
GENERAASJE II
Binke Rintjes † -12-1784; DG; bakker te Balk;
x Wikel 2-7-1747, ûndertrou Balk 17-6-1747, hy fan Balk, sy fan Wikel, Hantje Popkes ~ Sleat 1-8-1717 † omstrings 1784; dr fan Popke Freerks, DG, yn 1710 grôtmakker te Sleat, dêr froedsman, en Wypk Ages, by har trouwen fan Wikel
Seis bern, de jongste soan:
Sjoerd, folget III
GENERAASJE III
Sjoerd Binkes Bakker * Balk 5-3-1761 † Op ’e Heide by Sint Nyk 4-8-1826, 65 jier; by trouwen te Harich; yn 1824 boer te Sint Nyk (nr 38);
x Harich 28-8-1785, beide ûnder Harich, Hotske Wouters van der Meer (yn 1826 neamd: Visser) * De Gaastmar 28-11-1767 † Op ’e Heide by Sint Nyk 10-5-1855, 87 jier, hûsnr 38; as widdo boerinne te Sint Nyk oant har ferstjerren yn har 88ste; dr fan Wouter Kornelis en Hiltje Ates, boeren yn ’e Gaastmar
Alve bern, it sechsde:
Popke Sjoerds Bakker, folget IV
GENERAASJE IV
IV Popke Sjoerds Bakker * Alde Ouwer 4-2-1800 † Langwar 9-4-1881, 81 jier, hûsnr 32; NH; by trouwen arbeider te Toppenhuzen, yn 1826 te Sint Nyk; yn 1829 te Langwar, dêr fjildwachter en eksteur (haad fan ’e plysje); ytger fan bûterfetten;
x 1 Wymbritseradiel 19-6-1824, 24 en 17 jier, Jeltje Wybes Zijlstra * Twellegea (Uitwellingerga) 1807 † Langwar 15-2-1842, 35 jier hûsnr 23; NH; by trouwen faam te Toppenhuzen; dr fan Wybe Frankes Zijlstra, yn 1813, ’19, ’23 boer te Twellegea, yn 1824, ’36 dêr arbeider, yn 1839 dêr keapman, en Ytje Gerbens Wijnja, yn 1847 winkellju te Twellegea;
x 2 Wûnseradiel 31-5-1844, 44 en 31 jier, Richtje Hendriks Alkema * Skuzum (Idzegahuizum.) 25-11-1812 † Langwar 20-3-1892, 79 jier; NH; by trouwen faam te Langwar; dr fan Hendrik Ymes Alkema (yn 1817 ek: Alcoma), oaljeslachtersfeint te Skuzum (Letter I nr 18), en Antje Jans Weerstra;
Ferkeap
-21-8-1847: in winkelhûs mei hiem en sa; keapsom: f 1.050,00; notaris: Tjalling Siebrandus van der Ley te Langwar; Repertoire 074042;
–Popke Sjoerds hâldt boelguod op 10-5-1880; opbringst: f 485,00; notaris: Jelle Zijlstra te Langwar; Repertoire: 074068
Ut it earste boask 8 bern – by har trouwen ferklearje Popke en Jeltsje dat se al in soan hawwe, de âldste:
Sjoerd Popkes Bakker, folget V
GENERAASJE V
V Sjoerd Popkes Bakker * Toppenhuzen 1-1-1824 † Langwar 21-12-1892, 68 jier, [] Langwar; NH; by trouwen arbeider te Boarnsweach; yn 1849, ’51 arbeider te Langwar; yn 1853, ’58 skipper, yn 1855 beurtskipper te Langwar; yn 1861, ’63, ’67, ’70 dêr winkelman en yn 1871, ’74, ’75 ek keapman (nrs 145, 68); yn 1873 dêr bakker; yn 1880 loazjeminthâlder en keapman, yn 1884 loazjeminthâlder en winkelman, yn 1886 idem en winkelman; by ferstjerren winkelman; neffens opjefte yn de Stamboom Bakker (1992) is Popke mooglik fan 1868-1886 kastlein yn ’e herberch De Drie Zwaantjes, mar neffens opjefte yn it Befolkingsregister is er yn 1880, ’84 en ’86 loazjeminthâlder te Langwar (sjoch hjirboppe); syn soan Lammert is yn 1886 ek ‘van kasteleinsbedrijf;
x Lemsterlân 26-11-1848, 24 en 23 jier, Pietertje Alberts Spaan (neamd Pyt) * De Lemmer 6-2-1825 † Langwar 28-8-1891; NH; dr fan Albert Feddes Spaan, yn 1813, ’34 skuonmakkersbaas op ’e Lemmer, dêr letter skipstimmerman, en Marijke Harmens Hellema (ek: Maria, Marike) B15
Sjoerd Popkes keapet yn 1871 mei syn broer Lammert, keapman, fearskipper en kastlein, lizzend ûnreplik guod te Langwar; yn 1873 ferkeapet er fan Lammert in pakhús te Langwar; yn 1873 hat boedelskieding tusken de bruorren plak; yn 1874 ferkeapet Sjoerd op ’e nij ûnreplik guod
Ut dit boask 12 bern:
2 Albert Sjoerds Bakker * Langwar 13-1-1851 † Langwar 13-2-1921; beurtskipper te Langwar;
x Doanjewerstal 23-7-1875, op ’e selde dei as syn broer Popke, Siebrigje Jolles Hoekstra * Langwar 12-11-1854 † dêr 29-12-1927; by trouwen sûnder berop te Langwar; dr fan Jolle Jelles Hoekstra, nôtmûnder te Langwar, en Pietertje Pieters Jager
Ut dit houlik 7 bern.
3 Popke Sjoerds Bakker, folget VI.3
GENERAASJE VI
VI.3 Popke Sjoerds Bakker * Langwar 5-7-1853 † Bûtenpost, Jeltingahûs, 25-11-1918, 65 jier, [] Bûtenpost; NH, mei syn trouwen G; komelker, greidboer, fuorman en keapman te Langwar; sûnt 30-11-1888 fearskipper, keapman, winkelman en manufakturier yn Het Oude Kantoor te Bûtenpost (hûsnrs Buorren 93, 128, 137, 48) en te Kollum, Stiensgea (Augustinusgea) en sûnt 1910 te Ljouwert; grûnlizzer N.V. Handelsvereniging P.S. Bakker te Bûtenpost en Ljouwert, Nijstêd 70; hat in feartsjinst op Ljouwert en Grins;
1901-1903 gemeenteriedslid foar de A.R.P. , 1903-1907 wethâlder fan Achtkarspelen; bestjoerder tsjerke, skoalle (û.o. foarsitter Kristlike skoalle Bûtenpost, bestjoerslid Willem Lodewijk Gymnasium te Grins), begraffenisferiening; adviseur wetterskippen; mei-oprjochter Stichting Woningbouw Achtkarspelen;
x Doanjewerstal 23-7-1875, op ’e selde dei as syn broer en har suster Lammert Sjoerds Bakker en Aafke Durks Althuisius, 22 en 19 jier, Dieuwke Durks Althuisius * De Jouwer 12-8-1855 † Bûtenpost, Jeltingahûs, 6-11-1935, 80 jier, [] Bûtenpost; KG, letter G.; ferhuzet as wees op 10-2-1868 fan ’e Jouwer nei Boarnsweach; komt mei fjirtjin jier yn te wenjen by har muoike en omke Neeltje Mientes Althuisius en Johannes Cornelis Grondsma, boeren te Twellegea, letter te Offenwier; by trouwen dêr sûnder berop, neffens de wet te Langwar; winkelfrou te Bûtenpost en Kollum; dr fan Dirk Mientes Althuisius, yn 1847 skipper te Toppenhuzen, yn 1854 idem te Twellegea, en Idskje Johannes Veldman, KG, greidboeren op ’e Jouwer, sûnt Alde Maaie 1861 te Wâldsein.
Sjoch:
Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius
Tjerk Wildeboer, Historisch allerlei IV, Binnenbuitenpost, Popke Sjoerds Bakker
Bern:
1 Pietertje Bakker, folget VII.1
2 Aafke Bakker, folget VII.2
3 Sjoerd Bakker, folget VII.3
4 Idske Bakker, folget VII.4
5 Wiebigje Bakker, folget VII.5
6 Libbenleas jonkje *- † Langwar 9-3-1883
7 Dirkje Bakker, folget VII.7
8 Durk Miente Bakker, folget VII.8
9 Albert Sjoerd Bakker, folget VII.9
10 Miente Bakker, folget VII.10
11 Neeltje Bakker * Bûtenpost 25-1-1890 † Langwar, wenjend te Bûtenpost, 2-4-1890, 2 moanne, [] Bûtenpost
12 Lammert Bakker, folget VII.12
13 Neeltje Bakker, folget VII.13
14 Sikke Bakker, folget VII.14
15 Hendrik Bakker, folget VII.15
16 Abraham Bakker, folget VII.16
17 Stefanus Johannes Paul Bakker, folget VII.17
GENERAASJE VII
Bern fan Popke Sjoerds Bakker en Dieuwke Dirks Althuisius
VII.1 Pietertje Bakker (Pyt) * Langwar 4-2-1876 † Ljouwert, wenjend te Bûtenpost, 8-2-1939, 63 jier, [] Bûtenpost; hoedmodiste te Bûtenpost en Kollum; kommisaris N.V. Handelsvereeniging P.S. Bakker
VII.2 Aafke Bakker (Afke) * Langwar 27-8-1877 † Bûtenpost 15-11-1951, 64 jier, [] Bûtenpost; wennet yn 1899 en 1904 yn Kollum; dêr tuskenyn te Bûtenpost; by trouwen sûnder berop te Bûtenpost, ferfart dêrwei op 29-7-1909 nei Bierum; Afke hat as boargemastersfrou gâns garitative funksjes;
x Achtkars[elen 29-7-1909, 31 en 30 jier, Pier Eringa * Grins 13-6-1879 † Ljouwert, sikehûs, wenjend te Bûtenpost 10-7-1962, 83 jier, [] Bûtenpost; G; ûnderwizer; docht de Normaalskoalle te Snits; komt op 1-6-1898 út Wymbritseradiel yn Kollum (wennet by W. Glastra van Loon); komt op 31-1-1903 út Assen yn Kollum, is dêr mei-inoar fiif jier ûnderwizer; yn 1905 stapt er oer nei de gemeenteadministraasje; sûnt 1909 gemeentesekretaris fan Bierum; sûnt 1910 boargemaster fan Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde; sûnt 30-10-1917 idem fan Achtkarspelen, troch de besetter ôfset yn desimber 1941, nei de befrijing dêr noch in healjier boargemaster (hûsnrs Bûtenpost 93 87,117); ûnderwiisbestjoerder (û.o. foarsitter fan de Margaretha de Heer-kweekskoalle te Ljouwert); tsjerkeriedslid; rom 25 jier foarsitter en eare-foarsitter fan de Verenigde Onderlinge Schadeverzekeringsmaatschappij Overeenkomst Toto Onderlinge Steun (O.T.O.S.); kolonel bûten tsjinst Lânwacht; haad Bescherming Bevolking Kring Fryslân; offisier yn ’e Oarder fan Oranje-Nassau; nei him is de Eringaleane neamd; sn fan Pier Piers Eringa, yn 1878 teologystudint wenjend te Spannum, grifformeard dûmeny te Wâlterswâld, Burdaard, Gau en Goaiïngea, en Ruurdtje Sjoerds Boschma
Oannommen bern:
Maaike Bakker, sjoch VIII.9
Afke Bakker en Pier Eringa lizze begroeven op it Nij begraafplak oan ’e Kuiperswei te Bûtenpost.
Grêfskrift:
PIER ERINGA / GEB. 13 JUNI 1870 / GEST. 10 JULI 1962. / BURGEMEESTER VAN ACHTKARSPELEN / 1917-1945 /EN ZIJN ECHTGENOTE / AFKE BAKKER / GEB. 27 AUG. 1877 / OVERL. 15 APRIL 1951 /
WIJ ZULLEN HEM ZIEN / GELIJK HIJ IS / 1 JOH. 3:2 /
VII.3 Sjoerd Bakker * Langwar 8-2-1879 † Bussum, Meerweg 4, 22-2-1924, 45 jier, [] Bussum, Algemene Begraafplaats; manufakturier te Bûtenpost, by trouwen te Kollum (hûsnr B12); yn 1906 reizger te Huzum; yn 1909 dêr assuradeur en makelder; direkteur N.V. Dagblad en Drukkerij De De Standaard; warber yn it Nederlandsch Jongelings Verbond en de A.R.P. , skathâlder fan it Millioen-fonds fan ’e A.R.P.; hy arbeidet op mei Abraham Kuyper en de lêste twa jier fan syn koarte libben mei Hendrik Colijn;
x Ljouwert 27-7-1905, 26 en 27 jier, Geertrui Visser * Reitsum 19-2-1878 † Bussum 24-7-1945, 67 jier, [] Bussum, Algemene Begraafplaats; by trouwen sûnder berop te Huzum; dr fan Lambertus Jozef Visser, skoallehaad te Reitsum en Bûtenpost, en Haikje Annes Idzerda
Seis bern, ûnder oaren:
4 Lambertus Jozef Bakker (Bert) * Huzum 3-4-1912 † Ilpendam 19-9-1969, 57 jier, [] Bussum, Algemene Begraafplaats; útjouwer Bert Bakker;
Bert Bakker x 1 Elisabeth Hermina van Nood (Ella) * Alphen aan den Rijn 31-12-1914 † Den Haach 26-3-2005, 90 jier, [] Wassenaar; dr fan Abraham van Nood, nôtkeapman en wethâlder A.R.P. te Alphen aan den Rijn, en Gerritdina Vlasveld;
Elisabeth x 2 Roeland Koning * Amsterdam 5-8-1898 † Wassenaar 9-3-1985, 86 jier; grafikus, glês-, muorre- en keunstskilder, tekener, makker fan mozayk en houtsnijwurk; sn fan Roeland Koning, masjinist, wurktúchkundige, technysk adviseur, en Cornelia de Looper;
Roeland Koning x 1 Hermina Dina Alida Bloemen; tillefoaniste;
Bert Bakker wennet sûnt 1947 en is troud yn 1950 mei Johanna Victorina Christina Hefting * Utrecht 2-8-1905 † Den Haach 23-8-1993, 88 jier; keunsthistoarikus; dir Haags Gemeentemuseum
en soan Bert.
Algemene Begraafplaats te Bussum.
Psalm 113:1, berime:
Gij ’s Heeren knechten, looft den Heer;
Looft Zijnen naam, verbreidt Zijn eer;
De naam des Heeren zij geprezen;
Zijn roem zij door ’t heelal verbreid;
Van nu tot in all’ eeuwigheid;
Men loov’ ’t aanbidd’lijk Opperwezen.
VII.4 Idske Bakker (neamd Id, Ids) * Langwar 13-7-1880 † Grins, Menno Lutterhuis, 13-1-1969, 88 jier, [] Bûtenpost; meiwurkster P.S. Bakker Bûtenpost
Psalm 17:8
Maar, blij vooruitzicht, dat mij streelt,
Ik zal, ontwaakt, Uw lof ontvouwen;
U in gerechtigheid aanschouwen;
Verzadigd met Uw Goddlijk beeld.
VII.5 Wiebigje Bakker (neamd Wieke; ek wol skreaun as: Wiebegje) * Langwar 15-11-1881 † Rotterdam, Huize Borgsate, 8-10-1977, 95 jier; ferhuzet op 30-12-1907 út Bûtenpost nei Kollum, dêrwei op 6-10-1908 nei Bûtenpost, dêrwei op 1-1-1909 nei Rotterdam; by trouwen sûnder berop te Bûtenpost;
x Achtkarspelen 1-1-1909, 27 en 28 jier, Sjoerd Eringa * Grins 7-9-1880 † Rotterdam 31-1-1945, 64 jier; ûnderwizer te Schoonhoven; 1899 tot 1903 ûnderwizer Kristlike Skoalle It Hearrenfean; 1903-1905 learaar Ingels ULO Leiden; sûnt 1-0-1905 learaar Grifformeard Marnix Gymnasium Rotterdam en de earste Kristlike H.B.S. (Hogere Burger School) fan Nederlân te Rotterdam, sûnt 1916 dêr ûnderdirekteur; dosint School voor Taal- en Letterkunde Den Haach; privaatdosint; promoveart yn ’e Frânse Letterkunde oan ’e Sorbonne te Parys; bekroane mei de Prix de langue française; 1922 lid Maatschappij der Nederlandsche Letterkunde; lid Utrechtsche Genootschap voor Kunsten en Wetenschappen; lid Friesch Genootschap van Geschiedenis, Oudheid- en Taalkunde; lid Gezelschap van Christelijke historici; broer fan Pier (VI.2)
Sjoch oer Wieke Bakker: Ik ben van Elf, side 116.
Sjoch, foar Eringa syn publikaasjes: Mij der Ned. Letterkunde – Sjoerd Eringa
Fiif bern, ûnder oaren:
2 Dieuwke Idske Eringa * Rotterdam 9-7-1911 † 2003; learares Frâns en skriuwster û.o. fan dichtbondels en de autobiografy Ik ben van elf, dêr’t Popke en Sjoerd Bakker yn optrede;
x -7-1939, skieding -12-1957, Arie Bouman * Rotterdam 16-1-1911 † 1999; jurist; organolooch (stúdzje û.o. by oargelbouwer Van der Kley te Rotterdam, fierders autodidakt); adviseur oargelbou; sekretaris Nederlandsche Klokken- en Orgelraad (NKO); lid Rijkscommissie van Advies voor Kerkorgels; publiseart Orgels in Nederland, bewurker Orgelbouwkunde fan A.P. Oosterhof; sn fan Pieter Bastiaan Bouman, advokaat en prokureur te Rotterdam, en Cornelia Sara Flesch
VII.7 Dirkje Bakker * Langwar 28-2-1884 † Bûtenpost 21-1-1963, 78 jier, [] Bûtenpost; ferfart op 27-6-1904 út Bûtenpost nei Kollum, ferhuzet dêrwei op 31-12-1907 nei Bûtenpost; by trouwen dêr sûnder berop;
x Achtkarspelen 27-2-1908, 23 en 32 jier, Cornelis van Mourik (Kees) * Culemborg 15-7-1875 † Bûtenpost 23-5-1938, 62 jier, [] Bûtenpost; grifformeard dûmeny, yn 1908 te Hollum, it Amelân, yn 1912 te Twizelerheide, sûnt 4-3-1923 oant 30-9-1937 te Thesinge, gemeente Ten Boer, Grinslân; sn fan Alexander Hendrik van Mourik, skoallehaad te Culemborg, en Johanna Reiniera van den Berg
Njoggen bern
VII.8 Durk Miente Bakker * Langwar 28-8-1885 † Grins, A-Kerkhof 11A, 23-10-1969, 84 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuiperswei; ferhuzet op 24-7-1906 út Bûtenpost nei Kollum; ferfart op 27-2-1928 út Bûtenpost nei Hollum, op ’t Amelân; by trouwen manufakturier te Ljouwert; keapman yn tekstyl, by P.S. Bakker te Bûtenpost, yn 1921 idem by it filiaal te Grins;
x Kollumerlân 13-4-1920, 34 en 24 jier, Sijke Pieters Dijk * Ingwierrum 27-12-1895 † Grins 7-3-1973, 77 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak; by trouwen sûnder berop te Burum; dr fan Pieter Johannes Dijk, yn 1880 bakker te Burum, yn 1885 idem te Ingwierrum, en Beitske Franses Smeding, yn 1903 greidboeren te Burum.
Psalm 17:7
O blij vooruitzicht dat mij streelt,
ik zal, ontwaakt, uw lof ontvouwen,
U in gerechtigheid aanschouwen,
verzadigd met uw godd’lijk beeld.
Psalm 71:1
Bij u, Heer, schuil ik,
maak mij nooit te schande.
GEB. 28 AUGUSTUS 1885
OVERL. 23 OCTOBER 1969
SIJKE BAKKER – DIJK
GEB. 27 DECEMBER 1895
OVERL. 7 MAART 1973
LOOFT DEN HERE MIJN ZIEL
VII.9 Albert Sjoerd Bakker * Langwar 5-4-1887 † Bûtenpost 8-4-1947, 60 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak; winkelman en drogist te Bûtenpost; agint American Petroleum Compagnie;
x Westdongeradiel 8-4-1920, 33 en 32 jier, Hedzerika van der Kooi * Nes, Westdongeradiel, 15-1-1888 † Bûtenpost 21-7-1869, 80 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak; by trouwen sûnder berop te Nes, de lêste seis moanne te Amsterdam; dr fan Jan Hedzers van der Kooi, yn 1880 bouboer te Eastrum, en Aaltje Gerrits Sinia, bouboeren te Nes
Psalm 23:1
Een psalm van David.
De Heer is mijn herder
mij zal niets ontbreken
VII.10 Miente Bakker, folget VII.10
VII.12 Lammert Bakker * Bûtenpost 3-3-1891 † Den Haach, Laan van Meerdervoort 314, 10-7-1950, 58 jier, [] Den Haach, Oud Eik en Duinen; ferhuzet op 25-9-1911 út Bûtenpost nei Ljouwert en wennet dêr yn by syn broer Miente en skoansuster Mine; dêr wurksum by P.S. Bakker; sûnt 1919 idem te Grins oan it A-Kerkhof 2; yn 1925, ’29 te Amsterdam, yn 1934 te Den Haach, dêr fertsjintwurdiger fan de Oxford-klean;
x Grins 28-12-1920, 29 en 32 jier, Egberdina Hendrika Kuitert * Grins 14-5-1888 † Den Haach 7-4-1979, 90 jier; dr fan Reinder Kuitert, masinefabrikant te Grins, en IJkje Buning
Fiif bern
VII.13 Neeltje Bakker * Bûtenpost 31-1-1893 † Grins 14-1-1982, Canadalaan 51, 88 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuperswei; ferhuzet op 3-10-1908 út Bûtenpost nei Kollum en dêrwei op 11-5-1909 nei Bûtenpost; by trouwen dêr sûnder berop, de lêste seis moanne foar har houlik te Ljouwert;
x Achtkarspelen 22-6-1920, 27 en 28 jier, Tæke Bakker * Kootwijkerbroek, gemeente Barneveld, Gelderlân, 28-4-1892 † Grins 8-1-1968, 75 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuiperswei; yn 1906 amtner gemeentesikretary fan Achtkarspelen; dêrnei twa jier idem te Leiden en fjouwer jier te Loosduinen; yn 1921 gemeente-administrateur te Den Haach, sûnt 1923 referindaris Gemeente Ljouwert, fan 7-8-1946 oant 1-5-1957 gemeentesekretaris Gemeente Ljouwert (wenje û.o. Alma Tademastrjitte, Pelikaanstrjitte); ûnderskate bestjoerlike funksjes, tsjerklik en maatskiplik, û.o. sekretaris fan it Grifformeard Gymnasium en foarsitter Christelijk Nationaal Schoolonderwijs;
sn fan Jan Tækes Bakker, yn 1891 ûnderwizer te Gerkeskleaster, letter skoallehaad te Kootwijkerbroek, en Klaaske Goitzens Couperus.
Trije bern.
Rou-advertinsjes Neeltje Bakker
*28 APRIL 1892
† 8 JANUARI 1968
NEELTJE BAKKER
* 31 JANUARI 1893
† 14 JANUARI 1982
MIJN VREDE GEEF IK U
VII.14 Sikke Bakker * Bûtenpost 15-4-1894 † Ljouwert, Heerenwaltje 6, 4-4-1950, 55 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; ferhuzet op 27-6-1904 út Bûtenpost nei Kollum en dêrwei op 11-12-1905 nei Bûtenpost; by trouwen dêr keapman yn tekstyl, sûnt 1933 behearder, letter direkteur P.S. Bakker te Ljouwert;
x Achtkarspelen 12-8-1932, 38 en 34 jier, Lucia Willemina van der Kluft (Lucie) * Kollum 1-3-1894 † Ljouwert 12-11-1991, 93 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; by trouwen sûnder berop te Ljouwert, sûnt wurksum yn ’e moade by P.S. Bakker te Ljouwert; fertsjintwurdichster direksje en kommisarissen P.S. Bakker; dr fan Klaas Feikes van der Kluft, timmerman te Kollum, en Luukje Luyes Stokroos
Twa bern
Psalm 121:1-2
Ik hef mijn ogen op naar de bergen: vanwaar zal mijn hulp komen?
Mijn hulp is van de Here, die hemel en aarde gemaakt heeft.
VII.15 Hendrik Bakker * Bûtenpost 1-8-1896 † dêr 9-7-1961, 64 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak oan ’e Kuiperswei; krudenier te Bûtenpost, mei syn suster Idske; by ferstjerren sûnder berop
VII.16 Abraham Bakker (Bram, neamd nei Abraham Kuyper) * Bûtenpost 21-2-1897 † Meppel, Parklaan 3, 14-6-1957, 60 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuiperswei; stúdzje gymnasium te Rotterdam, wennet dan yn by syn suster Wieke en sweager Sjoerd Eringa; griffier Kantongerjocht te Assen; kantonrjochter te Meppel en Stienwyk; presidint-kommissaris N.V. Modemagazijn P.S. Bakker;
Bram Bakker wegeret in Joadse kollega dy’t ûntslein is op te folgjen en dûkt ûnder. De Dútsers arresteare syn frou en bern. Nei protesten fan notabelen wurde dy frijlitten, ûnderwilens is har hûs plundere.
x Amsterdam 28-3-1929, 32 en 23 jier, Henderika Egberdina Dik (Riek) * Amsterdam 4-3-1906 † dêr 29-7-2001, 95 jier, [] Bûtenpost, Nij begraafplak, Kuiperswei; dr fan Egbert Hendriks Dik, keapman te Amsterdam, en Jantje Jacobs Hoolsema
Acht bern
* 21 FEBR. 1897 / † 14 JUNI 1957 /
WELZALIG ZIJ DIE HET RECHT / ONDERHOUDEN TE ALLEN TIJDE / GERECHTIGHEID DOEN /
HENDERIKA EGBERDINA /
BAKKER-DIK /
* 4 MAART 1906 / † 29 JULI 2001 /
De tekst is út Psalm 106 : 3
VII.17 Stefanus Johannes Paul Bakker (Paul, neamd nei Paul Krüger) * Bûtenpost 12-2-1900 † Zaandam 9-2-1945, fusilleard, 44 jier, [] herbegroeven Earebegraafplak Overveen, Bloemendaal (offisjele iepening op 27-11-1945); gymnasium te Rotterdam, wennet dan by syn suster Wiebigje en sweager Sjoerd Eringa; stúdzje Ekonomy Hannelshegeskoalle te Rotterdam; direkteur De Standaard; eigner Drukkerij S.J.P. Bakker oan ’e Lijnbaansgracht, û.o. printer fan ‘e yllegale blêden Trouw en Vrij Nederland, fan ’e Lunterse Kring en ûnder oaren fan ’e brief oan generaal F. Christiansen, skreaun troch Henk van Randwijk (B167) en Koos Vorrink; de yllegale blêden komme op mikrofilm en wurde fia Switserlân nei de regearing yn Londen smokkele; B192; publiseart û.o. yn 1944 Geslagen en verbonden, preken fan ds Tæke Ferwerda B264;
x Achtkarspelen 12-8-1926, 26 en 25 jier, Cornelia Houtman * Schiedam 21-4-1901 † Badhoevedorp, Huize Uitzicht, 28-10-1979, 78 jier, [kremeard]; dr fan Cornelis Houtman, distillateur te Schiedam, en Maria Alida Johanna Bernordt
Fiif bern
Sjoch:
–Bakker, S.J.P.– Slachtoffers WO2
–Earebegraafplak Bloemendaal
Op Paul Bakker syn tinkstien op it Earebegraafplak te Bloemendaal stiet:
Wees getrouw tot den dood,
en Ik zal u geven de kroon des levens.
Iepenbiering 2 : 10.
B306
2 Corinthiërs 4:16
Daarom verliezen wij de moed niet;
integendeel, ook al vergaat onze uiterlijke mens,
toch wordt de innerlijke mens van dag tot dag vernieuwd.
VII.10 Miente Popkes Bakker (Mient) * Langwar 5-4-1888 † Ljouwert, Europaplein 40-F, 19-9-1975, 87 jier, [] Huzum, Ofdieling III, rigel 12, grêf 2; ferhuzet op 29-8-1899 út Bûtenpost nei Kollum en dêrwei op 3-4-1902 nei Bûtenpost; by trouwen dêr keapman, dat betsjut dat er yn ’e saak P.S. Bakker as sadanich fungeart; sûnt 1-6-1911 te Ljouwert, dêr mei-direkteur moadesaak P.S. Bakker, wenjend Nijstêd G70, 84-boppe, Van Swietenstrjitte 9; sûnt 1932 fersekeringsagint, 1933 ynspekteur by Amstleven – de Amsterdamsche Maatschappij van Levensverzekering; assuradeur; tsjerkeriedslid; foarsitter Keamer fan Keaphannel te Ljouwert;
x 1 Menameradiel 18-5-1911, 23 en 22 jier, (se trouwe tagelyk mei Mine har suster Anne en Gerben Reimers Brouwer; tsjûgen binne Arjen en Doekele Dirks van der Schaaf, bruorren fan Mine, en Sjoerd Popkes Bakker en Pier Piers Eringa, broer en sweager fan Miente), Trijntje Dirks van der Schaaf (Mine) * Bitgummole 2-11-1888 † Ljouwert, Van Swietenstrjitte 9, 18-9-1925, 36 jier, [] Huzum, Ofdieling III rigel 12, grêf 2; by trouwen sûnder berop te Bitgummole, stiet m.y.f. 9-6-1911 ynskreaun te Ljouwert; dr fan Dirk Arjens van der Schaaf, bouboer en ierdappelkeapman te Bitgummole, tsjerkeriedslid, lid Burgerlijk Armenbestuur fan Menameradiel, bestjoerslid wetterskippen, en Baukje Doekeles de Boer;
Mient en Mine komme yn ’e Skrâns te Huzum yn ’e kunde by
Mient syn broer Sjoerd Popkes Bakker en Mine har broer Doekele Durks van der Schaaf,
de earste keapman yn moade, de twadde ierdappelhanneler,
en beide grifformeard âlderling.
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje
BS
Miente x 2 Eastdongeradiel 27-4-1937, 49 en 39 jier, Jeannette Steen * Ænjum 7-9-1898 † Ljouwert 25-7-1978, 79 jier, [] Huzum, Ofdieling III, rigel 12, grêf 2; 12,5 jier hantwurkûnderwizeres te Ænjum, wurksum by Amstleven; ferhuzet op 27-4-1937 út Ænjum (nr B275) nei Ljouwert; dr fan Gerrit Hendriks Steen, timmerman en oannimmer te Ænjum, 25 jier foarsitter A.R.P.-kiesferiening Eastdongeradiel, sekretaris/skathâlder federaasje fan timmerlju en oannimmers yn Fryslân, idem bouferiening De Rederij, redakteur fakblêd foar timmerlju, tsjerkeriedslid, lid Burgerlijk Armenbestuur fan Eastdongeradiel, en Trijntje Jans Fenenga.
Bern út it earste boask:
1 Popke Sjoerd Bakker, folget VIII.1
2 Dirk Bakker, folget VIII.2
3 Sjoerd Bakker, folget VIII.3
4 Baukje Bakker, folget VIII.4
5 Albert Sjoerd Bakker, folget VIII.5
6 Dieuwke Bakker, folget VIII.6
7 Sjoeke Bakker, folget VIII.7
8 Lammert Bakker, folget VIII.8
9 Maaike Bakker, folget VIII.9
Bern út it twadde houlik:
10 Trijntje Janneke Bakker, folget VIII.10
11 Gerrit Hendrik Bakker, folget VIII.11
12 Sikke Bakker, folget VIII.12
13 Abraham Bakker, folget VIII.13
Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje
BS
middenmank broers, susters, skoansusters en sweagers, achter de pleats.
Fan links nei rjochts, steand: Arjen en syn frou Trijntje Sybrens van Tuinen; Sjoerd Hilbrands Bruinsma, man fan Baukje;
Jan Seerps Bruinsma, man fan Leentje; Anna Leenderts Runia en har man Doekele; Syne Wybes Nauta, man fan Maaike;
Pieter en syn frou Grietje Hayes Terpstra; Miente Popkes Bakker, man fan Trijntje; Gerben Reimers Brouwer en syn frou Antje;
Sjoerd Yebs Reitsma, man fan Sieuwke;
sittend: Baukje; Leentje; Maaike; Dirk; Trijntje en Sieuwke.
Fotograaf: Obbema & De Bruin, Ljouwert.
Kolleksje Brouwer-van der Schaaf – Erfgoed Fundaasje
BS
Mient ferstjert op 19-9-1975, Mine op 18-9-1925,
in ferskil fan 50 jier en ien dei.
Albert memoreart op syn heites begraffenis, de eagen op ’e himel rjochte:
‘Hemelse Vader, dank U voor deze aardse vader,
want een betere vader had u ons niet kunnen geven.’
Psalm 23
1 In psalm fan David.
De Heare is myn hoeder; ik bin neat brek.
2 Hy lit my rêste yn griene lânsdouwen,
Hy fiert my sêftkes oan fredige wetters.
3 Hy ferkwikt myn siele,
Hy laat my yn it spoar fan ’e gerjochtichheid
om de wille fan syn namme.
4 Al gean ik ek yn in delling fan deadsskaad,
ik sil gjin kwea freezje, want Jo binne by my;
jins stok en Jins stêf dy fertreastigje my.
5 Jo meitsje my de tafel klear
foar de eagen fan myn tsjinstanners;
Jo salvje myn holle mei oalje, myn tsjelk rint oer.
6 Kleare goed en genede folgje my al de dagen fan myn libben,
en ik sil yn it hûs des Heare wenje yn langte fan dagen.
(Nederlandsch Bijbel Genootschap,1943)
links foaroan grêfplak fan
Mine van der Schaaf, Mient Bakker
en Jeannette Steen.
Ofdieling III, rigel 12, grêf 2.
Grêfskrift op ’e eardere lizzende sânstiennen sark:
2 COR. 5 : 1
TRIJNTJE BAKKER
-VAN DER SCHAAF
* 2 NOV. 1888
† 18 SEPT. 1925
MIENTE BAKKER
* 5 APRIL 1888
† 19 SEPT. 1975
JEANNETTE BAKKER
-STEEN
* 7 SEPT. 1898
† 25 JULI 1978
GENERAASJE VIII – De bern fan Mient Bakker en Mine van der Schaaf
Albert, Bauk, Dieuwke, Popke, Maaike, Lammert, Durk, Sieuwke en Sjoerd.
Nei de fakânsje, noch even byinoar; Popke, Bauk, Sjoeke en Lammert glimkje.
BS
B61
VIII.1 Popke Sjoerd Bakker * Ljouwert 15-12-1912 † Amsterdam, deasketten op De Dam, 7-5-1945, 32 jier, [] Amsterdam, Zorgvlied, herbegroeven Loenen, Earebegraafplak, fak en rigel A1163; yn 1935 winkelfeint te Rotterdam; sûnt 1938 oant hjerst 1940 ferkeaper fan kassa’s oan lytse bedriuwen by de N.V. Nationaal Kasregisters v/h Cord Heinrich van Erk, Popke is dêr selsstannich ‘salespromotor’; nimt yn 1940 de gruthannel yn rubber oer fan Jacq. van der Glas oan ’e Brouwersgracht 28: Rubbelhandel J. van der Glas; keapman te Amsterdam; fersetsstrider, distribueart de yllegale blêden Vrij Nederland en De Vrije Kunstenaar; kommunist;
Popke hat in relaasje mei Emma Aukje Rinia Rita Hilbrink * Utrecht 8-6-1914 † 2006; NH; wennet sûnt 25-8-1938 by de bruorren Popke, Sjoerd en Albert Bakker yn de Korte Leidsedwarsstraat te Amsterdam; dr fan Jan Hilbrink, boekhâlder te Utrecht, en Hendrika Johanna Dekker;
dr fan Popke Bakker en Emma Hilbrink: Janna Hilbrink * Amsterdam 1939; wennet yn Australië
B113
Popke x Amsterdam 9-4-1942, 32 en 21 jier, Ietje Johanna Wiedenhoff (Ida) * Amsterdam 30-4-1920 † dêr 19-5-2006, 86 jier; dr fan Johannes Wiedenhoff, by trouwen yn 1914 winkelfeint te Amsterdam, yn 1915 etaleur te Grins, en Roelfke Brinkman; B173;
Ida x 2 Amsterdam 21-8-1946, 26 en 25 jier, Josephus Gerardus Maria Bantzinger (Sjef) * Gouda 24-10-1920; fertsjintwurdiger en keapman, wennet te Gouda, Hilversum, Nijmegen, Milligen, Amsterdam, Jakarta; sn fan Johan Jacob Bantzinger, winkelman te Gouda en Hilversum, en Maria Gerardina Josephina Janssen
Bern fan Popke en Ida:
1 Roelfke Bakker * Amsterdam, Diaconessen Ziekenhuis Overtoom, wennet Singel 96, 28-6-1942 † Amsterdam, Kalfjeslaan 36, 23-11-1948, 6 jier, [] Amsterdam, Zorgvlied; Roelfke stapt fuort by har hûs út in autobus en wurdt troch in auto oanriden, it famke is op slach dea.
2 Sjoerd Bakker, folget IX.1
Friesch Dagblad, 25-11-1948.
Sjoch:
–Popke Sjoerd Bakker
–Dam-incident
–Fedde Schurer, De besleine spegel, A.J. Osinga Uitgeverij, Ljouwert, 1998, side 136 ISBN 90 60665 1 05 (earste druk, De bisleine spegel, Moussault’s Uitgeverij nv, Amsterdam, 1969
-Henk van Randwijk, In de schaduw van gisteren, een kroniek van het verzet, p 318, 1967
-Marjan Reinders, Een beeld van een vrouw, Uitgeverij An Dekker, 1988
-Ludmilla van Santen &, Norbert-Jan Nuij, Drama op de Dam, Stichting Memorial Voor Damslachtoffers 7 Mei 1945, 2017 ISBN 9789090302416
Wenplakken fan Popke:
-1926 út Ljouwert nei Bûtenpost op Jeltingahûs by beppe Dieuwke
-1927 te Grins, wennet by oom Durk Mienet Bakker en tante Sijke Dijk, jongste feint by P.S. Bakker
– -5-1930 dêrwei nei Amsterdam, wennet by oom Lammert Bakker en tante Dien Kuitert yn de Scheldestraat, ferkeaper by moadehûs Kreymborg
-30-9-1931 út Amsterdam nei Ljouwert, ferkeaper by P.S. Bakker, by oom Sikke Bakker en tante Lucie van der Kluft; Popke wennet dan by tante Neeltje en oom Tæke Bakker
-23-8-1934 by omke en muoike Neel en Tæke Bakker te Ljouwert
-2-1-1935 nei Amsterdam
-20-4-1936 út Amsterdam yn Ljouwert
-9-12-1936 út Ljouwert nei Stompwijk, Park Leeuwenburg 41, gemeente Leidschendam-Voorburg
-1936 Ljouwert
-1936 Rotterdam
-3-2-1937 yn Ljouwert
-1-4-1937, Meent 173, Ljouwert
-1938 Amsterdam, wennet Korte Leidsedwarssraat mei Sjoerd en Albert en Emma Hilbrink, ferkeaper by de N.V. Nationaal Kasregisters v/h Cord Heinrich van Erk
-Leidsekade
-1940 Haarlem
-1940 solderkeamers Prinsengracht, Oudezijds Voorburgwal, Herculesstraat
-28-1-1941 Leidsegracht
-29-4-1942 wenje mei har trouwen op it Singel 96, ferpleatst dêr syn rubberhannel ek hinne (sûnt 1942 is Popke syn kompanjon Laszlo Dénis, dy wennet as ûnderdûker op it Singel 108) B304
-1943 oan it Singel 108 hat Popke in ekstra bedriuwspand, dêr sitte ek ûnderdûkers en Albert wennet dêr; Popke hat opslach yn ’e Langestraat 82-84 achter it Singel; de rubberhannel P.S. Bakker is dêr fêstige oant febrewaris 1958
-ferfart begjin 1944 mei de húshâlding nei Blaricum, troch Popke syn yllegale aktiviteiten is Amsterdam net mear feilich;
-1945 Singel 96
-Ietje ferfart nei Popke syn ferstjerren mei Roelfke en Sjoerd nei de Keizersgracht (it hûs fan har suster Sanne).
VIII.2 Dirk Bakker * Ljouwert 14-2-1914 † Amsterdam, Singel 108, 14-8-1965, 51 jier; G, letter NH; yn 1935 kantoarfeint te Ljouwert; keapman te Amsterdam; fersetsstrider; wurdt yn oktober 1940 lid fan ’e Oranjewacht ôfdieling Ljouwert; ; keapman te Amsterdam oan it Singel 108-boppe
B137
x Den Haach 9-2-1944, beide 29 jier, formele skieding 1965, Trijntje Okma * Ljouwert 16-4-1914 † Amsterdam 23-12-2004, 90 jier; G, letter NH; ferhuzet op 25-5-1934 út Ljouwert nei Den Haach, komt dêrwei op 23-10-1934 yn Ljouwert, ferfart dêrwei op 29-4-1936 nei Maartensdijk; dr fan Dirk Ruurds Okma, komt op 4-5-1910 út Snits yn Ljouwert (Van Swietenstrjitte W4, Emmakade N144), dêr foarsitter Raad van Arbeid, advokaat en prokureur, sûnt 1-10-1928 dêr kantonrjochter, en Geertruida Wilhelmina Sophia van Rijnberk;
Durk hat sûnt 1949 in relaasje mei Jozef Anton Maria Broekman (Joop) * Geldrop 31-12-1919 † Amsterdam, Singel 108, 15-8-1965, 45 jier; RK; as studint medisinen wegeret er de Lojaliteitsferklearring te tekenjen, dûkt ûnder, wurdt ferret en finzen set yn Kamp Vught (Konzentrationslager Herzogenbusch) fan 16-1-1944 oant 26-3-1944; studearret 1952 ôf; arts te Amsterdam; fan 1953-1956 wurket er as arts by it Sint Bavo sikehûs yn Noordwijkerhout, dêr’t er ek wennet, dêr ûntslein yn 1956 fanwegen gedrach dat net troch de mesken kin; sûnt 1958 húsarts op op it Singel 108-ûnder, dêr’t oant febrewaris 1958 de rubberhannel P.S. Bakker festige is; Durk en Trijntje en de bern wenje dêrboppe; sn fan Wilhelmus Antonius Franciscus Broekman, fabrikant, en Everdina Antonia Teunissen
Sjoch: Dirk Bakker
Bern:
1 Miente Bakker, folget IX.2
2 Popke Sjoerd Bakker, folget IX.3
3 Geertruida Wilhelmina Sophia Bakkker, folget IX.4
4 Martha Sophia Bakker, folget IX.5
Wenplakken fan Durk:
-1926 út Ljouwert nei beppe Dieuwke op Jeltingahûs te Bûtenpost
-1928 ferhuzet út Bûtenpost nei Rotterdam, wennet by tante Wieke en oom Sjoerd Eringa, docht it Marnix Gymnasium
-1931 kantoarfeint by P.S. Bakker te Ljouwert
-1934 militêre tsjinst by de zjeny te Amsterdam
-1938 Korte Leidsedwarsstraat, wennet dêr mei Popke en Albert
-11-1-1941 fêstset yn it Oranjehotel, gefangenis yn Skeveningen, sit dêr njoggen moannen
-wurdt septimber 1941 oerbrocht nei Kamp Amersfoort, Häftling nr 392; B157
-novimber 1941 frijlitten
B157
-1941 Ljouwert
-1941 Heemstede, dêr húsfeint
-begjin 1943 Grins, dêr wurksum op kantoar by P.S. Bakker oan it A-Kerkhof, û.l.f. oom Durk; wennet dêr op in keamer
-1944 Den Haach; Durk trout dêr mei Trijntje Okma, tagelyk mei Trijntje har broer Gerrit Willem Okma (Willem) * Ljouwert 5-7-1910 † Epe, Gelderlân, 25-11-1987; x Den Haach 9-2-1944 Bernardina Antoinetta Elisabeth Tollenaar (Dien) * Den Haach 17-9-1920 † Apeldoorn -4-2021
-1944 Grins, Pottebakkersrijge 9, Durk wurket dêr by P.S. Bakker
-1944 Den Haach by de famylje Okma yn ’e Citroenstraat; Durk kin yn Grins oppakt wurde om te wurk steld te wurden nei Dútslân, sadwaande is it dêr te gefaarlik; hy nimt Trijntje mei om te foaren te kommen oppakt wurdt as represaille; har soan Miente wurdt dêr geboaren op 17-11-1944
-1945 Amsterdam, Prinsengracht 277; Dirk nimt de rubberhannel P.S. Bakkeroer fan Popke, doe’t dy 7-5-1945 op ’e Dam deasketten wie
-sûnt 20-3-1946 Amsterdam, it Singel 108-boppe.
VIII.3 Sjoerd Bakker * Ljouwert 10-6-1915 † Overveen, Bloemendaal, fusilleard, 1-7-1943, 28 jier, [] herbegroeven Earebegraafplak Overveen, Bloemendaal, Kennemerdunen (offisjele iepening op 27-11-1945); kleanmakker en kûpeur by moadehûs yn ’e Neuer Wall te Hamburg, idem by P.S. Bakker te Ljouwert en te Amsterdam by Hirsch & Cie, û.l.f. Richard Goetz;
te Amsterdam;
ferloofd te Amsterdam, 28-6-1943, yn ’e Weteringschansgefangenis, mei Ali van der Meer (Aa, troch de Bakkers ek neamd Aat) * Hengelo; G; ferkeapster stoffeôfdieling Metz & Co, û.l.f. Elmar Berkovich, yn ’e Leidsestraat te Amsterdam; fersetsstriidster, koerierster, wurket by de foarsjenning fan iten foar ûnderdûkers en de Persoonsbewijzencentrale (PCB), B249; nei de oarloch gastfrou by it Vormingscentrum fan Vrij Nederland oan ’e Keizersgracht;
Ali bliuwt befreone mei de famylje Bakker, se neamt Mient en Jeannette Vader en Moeder; Bauk Begemann-Bakker skinkt Ali har argyf oan it NIOD, dat befettet briefwiksel mei Sjoerd Bakker, Henk van Randwijk en oaren. It is allinne yn te sjen mei tastimming fan ’e famylje Bakker;
Ali hat fan 1945 oant 1952 in relaasje mei Hendrik Mattheüs van Randwijk (Henk);
se hat kunde oan Jo Scheffer, de man dy’t de stoffen levere foar Sjoerd syn unifoarmen; se fersoarget Jo syn sike frou en wurdt styfmem fan har bern.
Nei ferrin fan tiid trout se mei Jo Scheffer.
Aat en Jo wenje in hoart yn Brussel en ferfarre nei Spanje, se wenje dêr tichteby Albert en Greetje.
Sjoch:
-filmke makke troch Sjoerd syn omkesizzer Jeanne Bakker (nr IX.24 yn dizze genealogy), Mijn oom Sjoerd
–Sjoerd Bakker
–Wie was Sjoerd Bakker?
Wenplakken fan Sjoerd:
-nei it ferstjerren fan syn mem yn 1926 in skoftke op ’e pleats by syn muoike Anne van der Schaaf en omke Gerben Reimers Brouwer op Nij Fellingwurd ûnder Bitgum
-ferhuzet 1926 wer even nei Ljouwert
-komt 23-2-1926 út Ljouwert yn ’e húshâlding fan syn omke Arjen Dirks van der Schaaf, bouboer en ierdappelkeapman te Bitgummole, en Trijntje Sybrens van Tuinen
-ferfart dêrwei op 25-6-1930 nei syn beppe Dieuwke Bakker-Althuisius te Bûtenpost op it Jeltingahûs, docht dêr de ULO
-1931 learling-kleanmakker by kleanmakker De Jong yn ’e Skrâns te Huzum
-1933 learling-kûpeur, nei alle gedachten by moadehûs Hirschfeld yn ’e Neuer Wall te Hamburg
-1934 wer te Ljouwert
-23-8-1934 út Bûtenpost nei Ljouwert, Tsjerk Hiddesstrjitte 62
-1-10-1934 út Ljouwert nei Grins, wennet by oom Durk en tante Dien, wurket by P.S. Bakker yn it atlier en makket dêr frouljusklean, jurken en mantels
-23-8-1935 út Grins yn Ljouwert
-15-4-1936 út Ljouwert nei Amsterdam, wennet by syn oom Paul Bakker en tante Cor Houtman yn ’e Van Eeghenlaan
-1936 Overtoom, Amsterdam
-1936 keamer op ’e Prinsengracht
-7-2-1938 út Ljouwert nei Amsterdam, wennet Prinsengracht 313, kûpeur by moadehûs Hirsch & Cie oan it Leidseplein
-1938 Korte Leidsedwarsstraat, wennet dêr mei Popke, Albert en Emma Hilbrink
-maityd 1939 Frans van Mierisstraat, keamer trjie heech, Albert wennet dêr ek; Ali van der Meer lûkt derby yn
-1940 trijerisom nei de Vondelstraat 17, yn it hûs fan Bert van Eyck
-1941 Vondelstraat 24, wennet dêr mei Albert, Ali bliuwt op nr 17; kûpeur, nammebuordsje neist de foardoar: Sjoerd Bakker Couturier
-1943 finzenis Weteringschans, Amsterdam.
Fotograaf: Violette Cornelius.
Foto: Vezetsmuseum, Amsterdam
VIII.4 Baukje Bakker * Ljouwert, Nijstêd, 1-5-1917 † 2004; G, letter Urantia; wennet by har muoike en omke Wiebigje en Sjoerd Eringa oan ’e Bergselaan te Rotterdam, 1931 ynwenjend faam by de famylje Boot, 1933 faam dêr, mar wer wenjend by tante Wieke-en-dy; komt dêrwei op 27-8-1934 yn Ljouwert, bestjoert dêr de húshâlding fan heit en broers en suskes Bakker yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62; ferhuzet dêrwei op 22-12-1937 nei Almenum (nr 15E); wennet te Leiden, Den Haach, Driebergen; hat in wenpleats te Nes by Akkrum (Bauk fan ’e pleats, neame de Bakkers har gekjeiend)
x Ljouwert 22-12-1937, 20 en 25 jier, tsjûgen binne Bauk har bruorren Popke en Durk, Henderikus Begemann (Henk) * Snits 30-11-1912 † Wassenaar, Landgoed Backershagen 28, 3-1-1990; G, letter Urantia; by trouwen ynspekteur libbensfersekeringsmaatskippij, wenjend te Harns; assuradeur te Leiden en Den Haach; sn fan Frederik Adolf Begemann, kleanmakker te Emmen, sûnt 11-5-1909 te Easterein (nr 75), sûnt 7-5-1912 te Snits, en Geertruida Poppen
Bern:
1 Nienke Begemann, folget IX.6
2 Gertrude Begemann, folget IX.7
3 Frederik Adolf Begemann, folget IX.8
4 Dieuwke Begemann, folget IX.9
5 Christina Margaretha Albertina Begemann, folget IX.10
Fotograaf: Jonker, Leiden; sinjeard.
TB
VIII.5 Albert Sjoerd Bakker * Ljouwert 29-9-1918 † Amsterdam, Dina Appeldoornstraat 5 (korrespondinsjeadres) 6-12-1991, 73 jier, [kremeard] Westgaarde, Amsterdam; G, letter Christian Science, Urantia; yn 1938 jongste bankfeint te Amsterdam; wennet 1943 it Singel 108, dêr sitte ek ûnderdûkers; fersetsstrider, distribueart û.o. Vrij Nederland, wurket foar de Persoansbewizesintrale; B156, 167, 211; nei de oarloch redakteur en adjunkt-direkteur bij Vrij Nederland; dêrnei keapman yn ’e rubbelhannel fan broer Popke te Amsterdam; wennet te Laren; fan 1949 oant 1957 wurksum by Philips te Santiago, Chily; dêrnei by Philips te Einhoven; wennet te Son en Amstelveen; B330;
x Amsterdam 19-11-1947, 28 en 34 jier, Grietje Elizabeth Maria Kasemier (Greetje) * Ljouwert 19-3-1912 † Laren 22-3-1995, 83 jier; GT, letter G, Christian Science, Urantia; op har sechde benimt har mem harsels fan it libben, groeit sûnt op yn in bernetehûs; eigner fan in kapperssaak yn ’e Kerkstraat te Amsterdam; 1948 bernefaam te Santago; dr fan Roelof Abele Kasemier, yn 1899, 1905, ’39 mûnersfeint te Drachten, yn 1900, ’11, ’26 dêr arbeider, yn 1900 idem te Oerterp, yn 1909 idem te Warne (Dútslân), yn 1912, ’15 arbeider te Ljouwert, yn 1941 piteroaljesutelder te Drachten, en Tjitske Gauwinga
Wenplakken fan Albert:
-ferhuzet op 14-5-1938 út: Ljouwert nei Amsterdam, Korte Leidsedwarsstraat 222 3 heech, dêr’t syn bruorren Sjoerd en Popke by him yn komme te wenjen, yn twa lytse keammerkes;
-wennet letter Leidseplein 12-boppe
-komt op 23-8-1934 út Bûtenpost yn Ljouwert
-1938 Korte Leidsedwarsstraat, wennet dêr mei Popke, Sjoerd en Emma Hilbrink
-maityd 1939 Frans van Mierisstraat, keamer trjie heech, Sjoerd wennet dêr ek; Ali van der Meer lûkt derby yn
-1940 trijerisom nei de Vondelstraat 17, yn it hûs fan Bert van Eyck
-1941 Vondelstraat 24, wennet dêr mei Sjoerd, Ali bliuwt op nr 17;
-1942: Winschoten, dêr wurksum by Amstleven; B184, 266
-1944 Amsterdam
-1949-1957 Chili
-1957 Amsterdam
-1957-1960 Eindhoven
-1960-1968 Son (NB)
-1968-1970 Sterksel (NB)
-1970-1977 Blaricum
-1977-1991 Vinaros (Spanje)
Zangbundel Johannes de Heer 523:1
Veilig in Jezus’ armen,
Veilig aan Jezus’ hart;
Daar in Zijn teer erbarmen,
Daar rust mijn ziel van smart.
VIII.6 Dieuwke Bakker * Ljouwert, Nijstêd 74, 13-11-1920 † Ljouwert, Diakonessehûs, wenjend Harnzerstrjitwei 13, 6-2-1942, 21 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; G, nei har trouwen NH; komt op 11-7-1933 út Bûtenpost yn Ljouwert, ferhuzet dêrwei op 23-8-1934 nei Haarlem, wennet dêr by har omke en muoike Neel en Tæke Bakker; sûnt 1937 bernefaam by har lettere man; B170
x Ljouwert 18-2-1941, 21 en 35 jier, Philippus Jacobus Hoedemaker (Flip) * Melissant, Goeree-Overflakkee, 23-11-1905 † Ljouwert, Europaplein 3C, 3-12-1980, 75 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; NH; gynækolooch, frouljusdokter te Ljouwert oant 1972; dêrnei haad polyklinyk Akademysk Sikehûs Grins; dosint ferpleechstersoplieding te Ljouwert; sn fan Phippus Jacobus Hoedemaker, grifformeard dûmeny te Melissant, Doesburg, Utrecht en Bilthoven, en Wilhelmina Charlotte Barger; pakesizzer fan Philippus Jacobus Hoedemaker;
Philippus x 1 Reden 18-5-1933, 27 en 25 jier, Gesina Ruijs * Reden 4-5-1907 † Ljouwert 2-11-1937, 30 jier; dr fan Libertus Arend Ruijs, rintmaster te Reden, en Maria Voorhoeve; út dit houlik 3 bern: Wilhelmina Charlotte Hoedemaker, Libertus Arend Hoedemaker en Philippus Jacobus Hoedemaker;
Philippus x 3 Ljouwert 30-11-1945, 40 en 33 jier, Aaltje Stallinga (Zus) * Westernijtsjerk 23-11-1911; G; foar har trouwen húshâldster by har man; dr fan Douwe Pieters Stallinga, yn 1909 bouboer te Nes, Westdongeradiel, yn 1911 idem te Westernijtsjerk, en Hiltje Jans van der Kooi, suster fan Hedzerika (VII.9).
Bern út it twadde houlik:
1 Everwijn Hoedemaker, folget IX.11
De troujurk, sluier en wale hat broer Sjoerd in soad flyt op dien.
BS
B144
7-2-1942
7-2-1942
VIII.7 Sjoeke Bakker * Ljouwert 28-5-1922; G, yn Kanada Christian Reformed; komt mei fjouwer jier by har beppe Dieuwke op Jeltingahûs te Bûtenpost; sûnt 23-8-1934 by de gesinsherieniging yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62; ferhuzet op 4-5-1937 mei Lammert út Bûtenpost (nr 258) nei Ljouwert; yn ’e oarloch ferpleechster te Hoogeveen (B260); emigreart yn 1954 út Arnhem nei Edmonton, Kanada;
x Hoogeveen 29-8-1945, 23 en 29 jier, Johannes Fokkinga (Jo; yn Kanada nammeferoaring yn: John Folkinga) * Drylts 13-2-1916; militêr, amanuensis te Hoogeveen, letter Edmonton; sn fan Pieter Alles Fokkinga, yn 1905 ûnderwizer te Ie, yn 1916 skoallehaad te Drylts, en Renske Jacobs Hoekstra (ek: Rinsche)
Bern:
1 Johannes Alle Jan Folkinga, folget IX.12
2 Maaike Folkinga, folget IX.13
3 Dieuwke Folkinga, folget IX.14
4 Irene Margaret Diane Folkinga, folget IX.15
VIII.8 Lammert Bakker * Ljouwert 21-7-1923 † Amsterdam, Frans Halsstraat, tusken 17 en 20-4-1981, 57 jier, [] Amsterdam, Zorgvlied; wennet nei it opbrekken fan ’e húshâlding te Ljouwert earst by muoike Leen van der Schaaf en omke Jan Searps Bruinsma, bouboeren ûnder Mullum; giet dêrwei nei tante Afke Bakker en oom Pier Eringa op Jeltingahûs te Bûtenpost; sûnt 23-8-1934 by de gesinsherieniging yn ’e Tsjerk Hiddesstrjitte 62; ferhuzet op 4-5-1937 mei Sjoeke út Bûtenpost (nr 258) nei Ljouwert, se hawwe ûnderwilens sa’t skynt wer yn Bûtenpost wenne; 1946-1948 1ste luitenant Nederlâns Indys Leger by de Ferbiningstroepen te Bandung, West-Java B312; yn ’e simmermoannen reislieder, û.o. by Holland International en American Express, domisylje te Amsterdam, û.o. Prinsengracht, Frederiksplein, Frans Halsstraat; wennet oant 1954 yn Chily dêr’t er Spaans opdocht, hy ken al Ingels en Dúts; yn ’e wintermoannen kok. B329.
TB
VIII.9 Maaike Bakker * Ljouwert 9-4-1925 † Ljouwert, sikehûs, wenjend Emmakade 110, 28-7-1945, 20 jier, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; Maaike wurdt as pleechbern oannommen troch har muoike en omke Afke Bakker (VI.2) en Pier Eringa te Bûtenpost; ûnderwizeres oan ’e Julianaskoalle te Harns.
BS
Leeuwarder Koerier, 2-8-1945;
troch krapte by de kranten binne de advertinsjes
fuort nei de befrijing beheind yn omfang.
Opfallend is dat Mient en Jeannette Bakker-Steen yn dizze advertinsje net opnimme litten ha:
Heden nam de Heere tot Zich.
Friesch Dagblad, 3-8-1945.
Wapkje Kuiken * Kollumerpomp 1-7-1923 † Hurdegaryp 17-10-2011, 88 jier, [] Damwâld; dr fan Jarig Klazes Kuiken en Jacoba Sybrands Offringa (X.4.6).
Friesch Dagblad, 31-7-1945
Grêfskrift:
MAAIKE BAKKER / GEB. 9 APRIL 1925 / GEST. 28 JULI 1945 / PS.73 VS 12 BER. /
Psalmtekst folút:
´k Zal dan gedurig bij U zijn,
In al mijn nooden angst en pijn,
U al mijn liefde waardig schatten,
Wijl Gij mijn rechterhand woudt vatten.
Gij zult mij leiden door Uw raad,
O God, mijn heil, mijn toeverlaat;
En mij, hiertoe door U bereid,
opnemen in Uw heerlijkheid.
VIII.10-14 Bern út it twadde nêst – Mient Bakker en Jeannette Steen
VIII.10 Trijntje Janneke Bakker (Tineke) * Ljouwert, Ingelumerstrjitte 8, 14-5-1938; beukerliedster en ûnderwizeres te Marrum en Bûtenpost; moadiste, ûntwerpster tonielklean; skriuwster fan toaniel.
Sjoch: Binnenbuitenpost, 2015, Tineke Bakker
x Ljouwert 12-7-1962, skieding 14-3-1973, Pieter Haagen (Piet) * Amsterdam 24-10-1938 † Almelo 6-12-1996, 58 jier; fertsjintwurdiger yn luchtbannen by Goodyear te Hurdegaryp en by Hart Nibbrig & Greeve (ymporteur fan Audi) te Lisse; sn fan Petrus Jacobus Haagen (Piet), autobannekeapman en fertsjintwurdiger fan Renault te Ljouwert, en Elizabeth Wijmpje Verbree.
Bern:
1 Petrus Jacobus Haagen, folget IX.16
2 Jeannette Karin Haagen, folget IX.17
3 Margaretha Albertina Haagen, folget IX.18
VIII.11 Gerrit Hendrik Bakker * Ljouwert 18-8-1939; assuradeur by it kantoar fan syn sweager Henk Begemann; letter idem te Amsterdam; assurinsjestêfmeiwurker fersekeringsbedriuw te Rijswijk; koardirigint te Spijk;
x Den Haach 14-10-1964 Maria Borst (Marja) * De Bilt 23-4-1940; ûnderwizeres
Bern:
1 Johanna Eva Bakker, folget IX.19
2 Meont Sjoerd Bakker, folget IX.20
VIII.12 Sikke Bakker * Ljouwert 26-12-1940 † Haarlem 26-6-2017;
x 17-11-1967 Lidy van Heest * Santpoort; learares Rjochten Hegeskoalle Alkmaar
Bern:
1 Gerdi Bakker, folget IX.21
2 Miente Bakker, folget IX.22
3 Sjoerd Bakker, folget IX.23
VIII.13 Abraham Bakker (Bram) * Ljouwert 28-4-1942; promoveard ekonoom, wenjend te Hillegom;
x Meta van Dommelen * Amsterdam 4-6-1942
Bern:
1 Jeanne Marie Bakker, folget IX.24
2 Anna Jacoba Bakker, folget IX.25
3 Miente Bram Bakker, folget IX.26
GENERAASJE IX
IX.1 Sjoerd Bakker * Amsterdam, Diaconessen Inrichting Overtoom, wennet Singel 96, 20-7-1943; opliedingen Gerrit Rietveld Academie, Rijksacademie voor de beeldende kunsten Amsterdam; akwarellist, grafikus, yllustrator, etser, skilder te Amsterdam (atelier Prinseneiland 5) en op Tailân;
frou en soan wenje yn Tailân
Sjoch:
–Sjoerd Bakker,
–Kunstwerken van Sjoerd Bakker
–Archief Amsterdam
Foto: Verzetsmuseum Amsterdam.
IX.2 Miente Bakker * Den Haach 17-11-1944; matematikus te Uitgeest; sûnt 1-6-2001 te Alkmaar;
x Amsterdam 17-8-1972 Tine Johanna van der Straaten (Tineke) * Enschede 1-2-1946; jurist
Bern:
1 Erin Harriët Bakker * 13-2-1973
2 Joost Miente Bakker * 8-10-1975
3 Mirte Joanne Bakker * 6-8-1978
IX.3 Popke Sjoerd Bakker * Amsterdam 22-3-1946 † dêr 13-8-2020, 74 jier, [kremeard Heerhugowaard]; sivyl technikus; byldzjend keunster te Bergen oan See en Ruigoord;
Popke Bakker hat in relaasje mei Cary Dammers * 13-4-1945 † Huizen, Eland 54 , 4-7-1992, 47 jier, [] Amsterdam, Zorgvlied;
Popke Bakker hat sûnt plm. 1989 in relaasje mei Ruth Bouman * Amsterdam 3-6-1948; grafikus, keunstskilder en saksofonist te Almere; dr fan Arie Bouman, jurist en oargelbousaakkundige en Dieuwke Idske Eringa, sjoch IV.4; Ruth is in suster fan Paulus Bouman, sjoch hjirûnder.
Sjoch:
–Solarium aan zee
–Wiskunst, Popke Bakker over kunst en kunde
–Roukaart
–Betinkingsbyienkomst Popke Sjoerd Bakker
Cary Dammers x 1 Paulus Bouman * Amsterdam 9-1-1946 † dêr 28-4-1972; wittenskiplik meiwurker Vrije Universiteit Amsterdam; sn fan Arie Bouman, jurist en oargelbousaakkundige en Dieuwke Idske Eringa, sjoch IV.4;
bern fan Cary Dammers en Paulus Bouman: Jasper Bouman * Amsterdam 26-4-1972 † dêr 15-6-1972 (widzedea);
Cary Dammers w.m. 2 Cornelis Gerardus Adrianus van der Staak (Kees) * Diessen 22-11-1945; amtner Gemeentlike Universiteit te Amsterdam; idem by de Provinsje Fryslân te Ljouwert; idem te Amsterdam, Muiden, Weesp, Huizen;
Ruth Bouman x 1 F. Willemse, keunstskilder; dochter: Sitaloe * Amsterdam 20-4-1973.
Bern fan Popke en Cary:
1 Martha Marijke Bakker * Amsterdam 11-2-1974
IX.4 Geertruida Wilhelmina Sophia Bakker (Truida) * Amsterdam 30-8-1947; twilling mei Martha; amtner te Schagen;
x Zaanstad 20-6-1980 Arnoldus Maria Werkhoven (Nol) * Zaanstad 18-5-1944; marineoffisier
IX.5 Martha Sophia Bakker * Amsterdam 30-8-1947 † dêr 24-3-2013; stúdzje Nederlânse Taal- en Letterkunde oan ’e Vrije Universiteit te Amsterdam; wurke mei oan Web van Vriendschap en de Postzegelman;
x Amsterdam 8-12-1972, skieding 1980, Koe Fang Yeh * Amsterdam 6-12-1944; kok te Amsterdam
Bern:
1 Maaike Yeh * Amsterdam 31-12-1972
IX.6 Nienke Begemann * Harns 12-12-1938; letterkundige; skriuwer te Den Haach;
publikaasje û.o. Victorine, Uitgeverij Bert Bakker, Amsterdam, 1988 ISBN 903510559, biografy fan Victorine Hefting, frou fan Bert Bakker (VI.3.4)
x Wassenaar 25-11-1967 Jan Brugman * Zaandam 9-5-1923 † Den Haach 7-9-2004, 81 jier; 1948-1960 amtner Ministeary fan Bûtenlânse Saken, diplomaat Egypte te Caïro; 1961-1981 heechlearaar Arabys Universiteit Leiden
Sjoch:
–Jan Brugman
–In Memoriam prof. dr. Jan Brugman troch Gerard-René de Groot
–In Memoriam Jan Brugman troch Rudy Kousbroek
-Publikaasjes Jan Brugman Collection
–De zuilen van de Islam
Bern:
1 Everardina Brugman (Eefje) * Leiden 6-9-1968 † 2018
2 Baukje Brugman * Leiden 6-9-1968; 1988-1994 stúdzje Rjochten Universiteit van Amsterdam; 1996-1997 editor Uitgeverij J.M. Meulenhoff; 1999-2008 idem De Bezige Bij; sûnt 2005 freelance editor De Arbeiderspers, Nijgh & Van Ditmar; sûnt 2008 freelance editor (bygelyks Jan Wolkers, Henk Hofland, Hanneke Groenteman); 2009-2010 freelance sponsorwerver Stichting De Talentenschool; freelance editor 2011-2012 Uitgeverij Balans
3 Jan Elbert Hendrik Brugman * Leiden 24-9-1973
IX.7 Gertrude Begemann * Leiden 22-4-1940; dosint Ingels;
x 1 Jan Adrianus van Dorsten * Den Haach 14-3-1933 † 29-7-1985; geolooch te Leiden;
x 2 Den Haach 2-5-1986 Wolgang Kunze * Den Haach 14-4-1933; geolooch te Den Haach
Bern út it earste houlik:
1 Anna van Dorsten * Leiden 21-5-1965
2 Emma van Dorsten * Leiden 3-9-1966; hotelhâlder Best Western Hotel Den Haach
IX.8 Frederik Adolf Begemann * Leiden 30-12-1942; andragolooch te Amsterdam
IX.9 Dieuwke Begemann * Leiden 22-4-1947; andragolooch; management consultant te Den Haach;
x, skieden yn 1992, Lou Clemens Maria Moll; neurolooch
Bern:
1 Peter Moll * Utrecht 2-3-1976
2 Rosemarie Moll (Roosje) * Den Haach 30-11-1978
IX.10 Christina Margaretha Albertina Begemann * Den Haach 3-1-1959; andragolooch;
x Ed Kuyper * Utrecht 31-3-1957
Bern:
1 Sophie Kuyper * Utrecht 1-11-1988
2 Sybren Christiaan Kuyper * Utrecht 20-9-1991
IX.11 Everwijn Hoedemaker (Eef) * Ljouwert 30-11-1941; boskbousaakkundige; keapman te Aldergrove, B.C., Kanada;
x Limehouse, Ontario, 9-10-1965 Alice Florella Booth * Oakville, Ontario, 29-1-1942; fysioterapeut
Bern:
1 Sygne Hoedemaker * Vancouver 17-9-1971
2 Joanne Hoedemaker * Van couver 15-9-1972
3 Kim Hoedemaker * Vancouver 19-11-1974
IX.12 Johannes Alle Jan Folkinga (Han, Hans) * Hoogeveen 20-7-1946; kompjûter- en systeemanalist te Edmonton, Alberta, Kanada; yn 2021 608 Henderson St Nw Edmonton AB T6R1S4;
x Edmonton 7-6-1986 Gertruide Francka Merc * Birmingham, Ingelân, 27-8-1953; ferpleechkundige
IX.13 Maaike Folkinga * Hoogeveen 5-10-1950; twilling mei Dieuwke; life skills councellor;
x 1, skieden, Michael Charles Whelpley * Edmonton 12-7-1947; fotograaf, gids;
x 2 6-7-1981 Kurt Wilhelm Schoendorfer * Manning, Kanada, 18-10-1957; boer
Bern út it earste boask:
1 Tine Michelle Whelpley * Vancouver 9-4-1972
Bern út it twadde houlik:
2 Kurt Johannes Schoendorfer * Edmonton 1-9-1981
3 Karl Christian Hans Schoendorfer * Calgary 8-8-1983
4 Kina Thompson Schoendorfer * Calgary 14-7-1985
IX.14 Dieuwke Folkinga * Hoogeveen 5-10-1950; twilling mei Maaike; hearing impaired assistant te Fox Creek, Alberta, Kanada;
x Peter Stuart Meier * Chicago, Illinois, 15-6-1948; oannimmer yn ’e bou
Bern:
1 Nienke Irene Meier * Calgary 15-1-1977
2 Sieuwke Doreen Meier * Calgary 4-4-1979
TB
IX.15 Irene Margareth Folkinga * Edmonton 20-11-1958; office manager;
x Calgary 1-4-1989 William Jacob Labelle * Port Arthur, Kanada, 23-12-1959; meubelmakker
IX.16 Petrus Jacobus Haagen (Peter) * Hurdegaryp 1-10-1963; jurist te Breda;
w.m. Cobien van ’t Riet * Monaco 15-10-1964
Bern:
1 Jente Haagen * Breda 7-9-1998, krekt hûndert jier nei har beppe Jeannette Steen (VII.10)
2 Tessel Haagen * Breda 20-1-2000, op ’e selde dei as oerpake Piet Haagen (VIII.10)
3 Imme Haagen * Breda 19-12-2003, op ’e selde dei as tante Lucie
IX.17 Jeannette Karin Haagen * Hurdegaryp 17-10-1964;
x Godfried Michaël van den Wijngaard * Amsterdam 25-1-1962
IX.18 Margaretha Albertina Haagen (Margriet, Greetje) * Bûtenpost 18-1-1966; july 1995-juny 2020 eigner ‘Haagen hobby’, bûtyk yn eksklusive klean te Bûtenpost; maart 1996-juny 2003 ûnderwiisassistint byldzjende fakken Kristlike Skoalle Mienskip Lauwers College te Bûtenpost; sept 2020-juny 2021 meiwurker GGZ; sûnt juny 2021 meiwurker klantcontactcenter CJIB – Centraal Justitieel Incassobureau te Ljouwert;
2013-2018 útfierend bestjoerslid Stichting Kerstmarkt Buitenpost; sûnt 2015 idem hantwurkmerk Bûtenpost; 2014-2018 sekretaris Bruisend Buitenpost; 2007-2017 skriuwer Hannelsferiening BUVO te Bûtenpost.
Sjoch:
Binnenbuitenpost
Instagram
Pinterest
IX.19 Johanna Eva Bakker (Jolanda) * Den Haach 23-2-1966; kompjûterprogrammeur;
x Lingewaal, Tielerwaard, Gelderlân, 4-10-1991 Hendrik Cornelis van der Waal (Henk) * Rotterdam 22-10-1963; projektlieder oannimmersbedriuw
Bern:
1 Maria van der Waal * Schoondijke 24-7-1992
2 Helena van der Waal * Schoondijke 1-4-1994
IX.20 Meont Sjoerd Bakker * Den Haach 9-7-1968; kompjûterprogrammeur/systeemanalist;
x Choziez, Poalen, Agnièszka Strzelewicz * 8-2-1974
Bern:
1 Kris Sjoerd Bakker * Ede 6-5-1995
IX.21 Gerdi Bakker * Amsterdam 19-6-1968 † 29-12-2012; ekonoom
IX.22 Miente Bakker * Amsterdam 7-1-1971; jurist
IX.23 Sjoerd Bakker * Amsterdam 3-7-1973; planolooch
IX.24 Jeanne Marie Bakker * Amsterdam 23-1-1972; stúdzje Ingels
IX.25 Anna Jacoba Bakker * Haarlem 3-12-1976
Boarnen û.o.:
-Lammert Sjoerd Bakker, Stamboom Bakker-Althuisius; eigen behear, Bithoven, 1995.
-Miente Bakker, nr IX.2 yn dizze genealogy, meidielingen (25-11-2021), Alkmaar, oantsjut mei: MB
-Tineke Haagen-Bakker, nr VIII.10 yn dizze genealogy, meidielingen (18-11-2021), Bûtenpost, oantsjut mei: THB
-Toni Boumans, Je mag wel bang zijn, maar niet laf – De enerverende en noodlottige geschiedenis van de familie Bakker, Uitgeverij Balans, Amsterdam, 2021 ISBN 978 94 638 2117 9.
By ferwizingen en parafrazen dêrút is soks oantsjut mei Bakker en it sidenûmer: B1, ensfh.
-Goasse D. Brouwer, Uttreksel Stambeam van der Schaaf, eigen behear, Bitgum, 1978.
-De Kommisje, Durk en Baukje (út weinmakkers ta keaplju en oare fûgels) Utflein fan Bitgummole oant Bagdad en fan Dyksterhuzen oant Lillydale; eigen behear, Bitgummole, 1986.
-Arend Middel, Familie Van der Schaaf – Beetgum – Parenteel, eigen behear, Assen, 2009.
–Genealogy Bruinsma (Barradiel) VII.1 en VII.3
–Genealogy Brouwer 1 XIV.1
-Mattie Bruining-Hoeksma, genealogise gegevens Bakker
-Dieuwke Eringa, Ik ben van elf, autobiografy, Uitgeverij Bert Bakker, Amsterdam, 1992 ISBN 90 351 1244 X
-Foto’s oangeande it doarp Bûtenpost: Stichting Oud Achtkarspelen, mei tank oan Mattie Bruining-Hoeksma; oantsjut mei: OA
-Foto’s út de Kolleksje Bakker-van der Schaaf binne oantsjut mei: BS
-Foto’s út de Kolleksje Tineke Haagen-Bakker binne oantsjut mei: TB
–Kertiersteat Dieuwke Durks Althuisius
–Trouw
–Traces of war.
Dit is wurk yn útfiering. Sjoch oer ús wurkwize: Oer ús.
Copyright Erfgoed-Fundaasje 2021