Home » Famyljes » Brantsma » Brantsma Collection » Kolleksje Brantsma Introduction

Erfgoed Fundaasje ynventariseart, beskriuwt en digitaliseart ûnderskate tekstylkolleksjes yn ’e mande mei tekstylsaakkundige Gieneke Arnolli.

Gieneke Arnolli foar in doopjurk fan Sam Brantsma (* 1943), wierskynlik ek droegen troch syn pake Sam (* 1866), en gâns oare sibben.
Foto: Joël Huitema

De Kolleksje Brantsma omfiemet:
-Brantsma I: Brantsma-Van Slooten-Van Sminia, oerdroegen troch M.C.J. Dieben-Brantsma en A.P.H.N. Dieben
-Brantsma II: Brantsma-Van Heerdt tot Eversberg-Van Haersma de With, oerdroegen troch S.H. Brantsma en T. Brantsma-van Wulfften Palthe.

Douwe Tamminga makket in fers op ’t Raarder bosk (útjefte: Nije gedichten), ien fan dizze kleandragerskes komt dêryn foar. In jonge frêle freule Van Sminia tink. Har klearljochte iuwen-oerdroegen klean ta ús gedegenste behâld.

RAARDER BOSK

Ik set myn fyts ûnder de âlde poarte.
In griene liuw hâldt as in hûntsje moai
noch ’t wapenskyld. Heech oer my it getoai
fan reigers dy’t har oefte yn twadracht parte.

Hjir lei de state binnen strang beroai
fan wâl en grêft. In lytse frelle boarte
mei hazzewinen, wite en inketswarte,
dy’t sprongen om in man yn wapentoai.

Ik bin in kleasterling om sliepplak út,
op trochreis foar de poarte yn skiere pij.
Mar ear’t de klopper falt, hear ik troch ’t rút
hoe’t hja dêr binnendoar de jûnbea liezen.

En glimkjend lynje ik tsjin d’ âlde friezen…
O, as de foartiid rûst en âld wurdt nij.

Sjoch ek: www.operaesjefers.nl/speel.php?id=1941

De klean binne fierders wierskynlik droegen troch telgen út de slachten Coehoorn van Scheltinga, Van Eijsinga, Æbinga van Humalda, Van Lynden, Van Andringa de Kempenaer, Alberda van Ekenstein, De Schepper, Van Sytzama, Cats, Star Lichtenvoort, ensfh. Undersyk dêrnei is yn folle gong.
Bewenners fan Poptaslot te Marsum en Schatzenburg te Dronryp behearre ûnder de sibben.

Hjirûnder trije foarbylden út de Kolleksje Brantsma I.
Foto’s kolleksje: Anneke van Miltenburg1
Objekt: caraco of jak
Jier: plm. 1775
Herkomst: Fryslân
Maat: lingte 62, taille 66, breedte 31
Materiaal: Europees bedrukt katoen, sitstechnyk, readbrúne/aubergine achtergrûn mei blomranken mei ferskillende blommen, net goed te sjen oft it symmetrys is, wierskynlik net gelyk neistinoar makke;
makke op manier fan à l’anglaise, ploaien fêststikke en net fuortknipt, sadat der noch stof is foar it gefal dat útlein wurde soe; brede beleggen oan ’e naden, tsjut op makke op útlizzen
Utfiering: fuorring: Harnzer bont=gerút linnen; yn Harns weefd, mar it is ek in soartnamme, yn sa’n gefal kin it alllyksa erges oars makke wêze; gjin heakken en eagen, allinne twa rigen eagen, foar it gefal dat ien te dik wie?
Bysûnderheden: lytse flekjes neist kontoeren, òf fan ’e naaister, òf fan beits ûnder it ferveproses;
slytaazje achterkant fan siden lintsje; allinne it linker mouwemansjet is bewarre.

6
Objekt: panierrok (heel brede rok); kin droegen wêze by nûmer 1
Jier: plm 1750
Herkomst: wol út Ingelân; katoen út India
Maat: wiidte 360, taillewiidte 55, heupbreedte 35, lingte foar 91, lingte midden-achter 100, stofbreedte 45 x 8 stikken
Materiaal: katoen mei ynweefde rib; borduersels fan wol
Utfiering: ploaien boppe fêstset, kinne mei twa bantsje fêstset wurde; by seame lâns smelle blommeranken; dêrboppe trijehoekich blommemotyf; totale hichte fan dy râne is 38 sm; dêrboppe noch inkelde losse blommemotiven; kleuren fan rôze nei aubergine, mei griene bledsjes; borduerwurk: tamboerearwurk (=haakt wurk mei in heel tin haakje, luske troch luske hinne, soarte fan kettingsteek; as je it borduerwurk yn in borduerramt spanne, klinkt it as in trommeltsje (dêrom: tamboer)
Bysûnderheden: midden-achter grutte fochtflek dy’t oan ’e foarkant ek in lyts bytsje sichtber is; heel lyts bytsje mot yn ien fan ’e griene bledsjes.

9A
Objekt: lyfke
Jier: plm. 1900
Herkomst: profesjoneel húsnaaister: baleinen sitte der goed yn, naden goed ôfwurke
Maat: lingte 47, taillebreedte 60
Materiaal/útfiering: rôze atlassatyn (=katoenen kearn ynweefd mei side); baleinen midden-foar en achter by de iepening lâns; rigesluting, mei nestelgatsjes en fiter mei twa nestels; wide fjouwerkante hals ôfset mei ploaide tule; los hingjende lange mouwen fan tule, dy’t noait iepen west hawwe; mei râne fan galon by fjouwerkante hals lâns.

9B
Objekt: rok
Jier: plm. 1900
Herkomst: húsnaaister
Maat: roklingte 89, taillewiidte 60, seamewiidte 220
Materiaal/útfiering: atlassatyn; fuorre mei tarlatan; oerrok fan tule; no ferkleure ta krêmkleurich, hat wierskynlik rôze west; hat orizjinele satinen rok west, letter brûkt foar ferklaaien; losse hingjende drapery yn ploaien fan midden-achter nei foaren dy’t midden-foar mei feilichheidsspjelden oanelkoar fêstsit; by taille lâns soarte fan galon (= yn dit gefal weefd bân mei metaaltried); benaaid mei metalen kraaltsjes
Bysûnderheden: satyn fersliten yn ’e taille en seame (is wierskynlik behoarlik faak droegen).

18A
Objekt: boppelyfke mei wide rûne hals, punt yn taille, sawol midden-foar as midden-achter; mei lange slanke mouwen mei twa lingtenaden, einigjend yn in split by de polsen; de rok ûntbrekt
Jier: plm.1790
Herkomst: linnen út Fryslân, sits út India
Materiaal: sits, beskildere stof mei rankpatroan, dêr tuskenyn strikte boeketsjes; fuorring fan linnen
Maat: lingte lyfke 47, taillewiidte 59
Utfiering: –
Bysûnderheden: liket op nûmer 11A.

18B
Objekt: twa mouwen
Jier: plm. 1780
Herkomst: as 11A
Maat: lingte 34, breedte 14.

18C
Objekt: twa mouwen
Jier: plm. 1780
Herkomst: as 11A
Maat:
lingte 32, breedte 32
Bysûnderheden: liket op 18B, mar oar patroan mei fûgeltsjes deryn.

18D
Objekt: ploaid mansjetsje
Jier: plm. 1780
Herkomst: as 11A
Maat: lingte 15, breedte 15.


Foar de folsleine ynventaris, sjoch: Brantsma I Collection en Brantsma II Collection.