Oanbieding Kolleksjes Brantsma I en II
Twa frachten klean út patrisise en adelike fermiddens fan ’e famyljes Brantsma-Van Slooten-Van Sminia en dêrneist de famyljes Brantsma-Van Heerdt tot Eversberg-Van Haersma de With wurde yn ’e takomst foar de mienskip bewarre en binne op termyn foar publyk te besjen. Stichting Erfgoed Fundaasje bemiddelet yn dat proses en beskriuwt it unike guod. De ûntfangst hie plak op sneon 14 april l.l. op ’t kantoar fan ’e stichting.
De bysûndere kolleksjes kamen foar ’t ljocht troch ûndersyk fan Aly van der Mark nei tunen fan Gerrit Vlaskamp. Hja kaam dêrtroch yn kontakt mei Marjolijn (Maria Clara Johanna) Dieben-Brantsma en har man Thom Dieben, en har neef Samuel Hendrik (Sam) Brantsma en syn frou Titia Brantsma-van Wulfften Palthe. Sa kaam fan ’t iene it oare. Yn in hutkoffer en in âlde plunjesek foar stoffen mei dêrop borduerd Gr. v. Heerdt (Graaf van Heerdt) stiene de stikken tekstyl op ferskillende souders. No binne se yn bewarring by Erfgoed Fundaasje dêr’t se beskreaun en klearmakke wurde foar oerdracht nei argiven. Dêr sille tentoanstellings achterwei komme. Want dat is de bedoeling: bewarje, ûndersykje en sjen litte. Èn allyksa as foarbyld stelle: minsken smyt jim âld guod net fuort en hâldt it byinoar!
Want, omdat dizze kolleksjes net útinoar flein binne, mar yn oaninoar besibbe stagen fan âlder op âlder oerdroegen, is dit erfgoed ek sa kostber – net yn jild útdrukt, mar yn histoarys perspektyf.
It tekstyl is iuwenlang oerurven út fanâlds Fryske maatskiplik foaroansteande slachten: ûnder oaren Van Sminia en Van Haersma de With.
Marjolijn en Sam Brantsma binne beide oerbeppesizzers fan Jnkfr. Maria Clara Johanna van Sminia (1836-1908) dy’t troud wie mei Adrianus Henricus van Slooten (1837-1902), boargemaster fan Raarderhim en lid fan ’e Provinsjale Steaten. Dêrneist komt de kolleksje fan Sam út it erfskip fan syn mem Amelia Gerardina barones van Heerdt tot Eversberg (1915), in dochter fan Sjoukje Jacoba Dodonea van Haersma de With (1891-1980) en Johannes Herbert August Willem graaf van Heerdt tot Eversberg (1885-1966).
Grif ha Maria en Sjoukje har foarâlden guon fan dizze kleanstikken ek droegen. Maria is in dochter fan Jnkr. Hobbe Baerdt van Sminia, grytman en boargemaster fan Tytsjerksteradiel en lid Provinsjale Steaten, en Jnkfr. Wiskjen Coehoorn van Scheltinga. Sjoukje is in bern fan Gerrit Nicolaas van Haersma de With, boargemaster fan Groenlo (Gld.), en Jnkfr. Amelia Gerardina van Andringa de Kempenaer.
Sa sit men mei dizze tsientallen kanten mûtskes, siden jûpen en sitsen jakjes midden yn ’e Fryske plattelânsadel.
Erfgoed Fundaasje set har al jierren yn foar it behâld en tagonglik meitsjen fan benammen agrarise argiven, en hat as sadanich ek gâns boeredracht en -hantwurk (lykas letterlapen) út arbeidersgeslachten, middenstânsfermiddens, boerelagen en hannelsdynastiën foar teloargean feilich steld. Hjir giet it foar ’t earst om klean fan lânhearren.
De ynventarisearing anneks determinearing wurdt útfierd yn ’e mande mei Gieneke Arnolli, spesjalist op it mêd fan Frysk tekstyl. As dat syn beslach krigen hat, sil dêrfan op dit plak yn wurd en byld wiidweidich ferslach dien wurde.
www.erfgoed-fundaasje.nl
www.gerrit-vlaskamp.nl/blog-aly-van-der-mark
Foar mear ynljochtingen:
Erfgoed Fundaasje
Vredeman de Vriesstrjitte 59
8921 BS LJOUWERT
058-212 00 35
info@erfgoed-fundaasje.nl
Foto’s: Jacob van Essen-Fotoburo Hoge Noorden, Ljouwert
sjoch: https://www.omropfryslan.nl/