BRANTSMA
BRANTSMA II COLLECTION
On 14 April 2016 this collection was donated by
Samuel Hendrik Brantsma and
Titia Brantsma-van Wulfften Palthe
to Stichting Erfgoed Fundaasje, who will house it, according to contract with the municipality Waadhoeke, where it is secured for the future and made accessible for general consultation.
BOX 3 (40x60c20 cm)
I DONATION AGREEMENTS/DECLARATIONS
I.1 DONATION AGREEMENT/DECLARATION
I.2 ELUCIDATION/EXPLANATION-TALJOCHTING
XV HISTORICAL REALIA
XV.1 TEXTILE
Kolleksje Brantsma-Van Heerdt tot Eversberg-Van Haersma de With
Ynventarisaasje ferrjochte troch:
drs Gieneke Arnolli, drs Goasse Brouwer en Joël Huitema.
1
Objekt: doopjurk en/of draachjurk (mei blau strikje, kin wêze foar famke of jonge; nei 1925 rôze foar famkes en blau foar jonges) .
Jier: omstrings 1866? (bertejier fan pake Samuel Hendrik Brantsma, is net wis); strikje fan nei 1943, bertejier fan S.H. Jr.? dat kin derop set wêze by de berte fan de jongere broers, it is net op ’e doopfoto fan Sam Brantsma te sjen; kin ek fan ’e mem wêze; prinsesselijn foar fan boppen nei ûnderen, komt yn ’e moade omstrings 1870.
Herkomst: profesjoneel kantwurk; masinaal as de oergong fan it iene motyf nei it oare presys op itselde plak makke is; fierders alles mei de hân makke, mooglik yn in – Switsers? – kleaster dêr’t in soad fan dit hantwurk makke wurdt, want dêr hienen se de tiid. Helendal mei de hân naaid en seame.
Materiaal: strikje: keunstside; jurk batisten boppelyfke mei oanrimpele rok; midden foarpand patchwork, lapkes mei nulleploaien, valenciennekant, brodery, sawol hoarizontaal as fertikaal; rûnom licht rimpele brodery, dat oan ’e ûnderkant as skelk rûnom rint; dûbel koartsje yn taille; twa knoopkes fan flaaks.
Maat: lingte 93, seamewiidte 208, skouderbreedte 24.
Utfiering: halsútsnijing mei in platlizzende kraach; brodery rint oer it skouder troch nei de taille midden-achter; langsplit midden-achter; mouwen op fjouwer plakken mei in koartsjes oan ’e binnenkant ynrimpele; oan ûnderkant brede seame mei dêrboppe op rychsels/nulleploaikes.
Bysûnderheden: tige yntinsyf wurk; symbolyk: dit bern winskje wy alle goeds.
Tastân: flibe ynfretten by kraach en oan ’e ein fan ’e moukes (brunich), wurket gemys yn op ’e fezels, it stik is net smoarch, wol wosken.
2
Objekt: doopûnderrok mei lyfke, mooglik brûkt by nûmer 1.
Jier: id. II.1, omstrings 1866.
Herkomst: id. II.1; op ’e selde manier makke as by nûmer II.1.
Maat: lingte 89, seamewiidte 200, skouderbreedte 23.
Materiaal: katoen-satinet.
Utfiering: lange rjochte moukes, mei rolnaad yn earmsgat, valancienne-kantsje by mouwe en by hals.
Bysûnderheden: hânnaaid. Naden litte sjen dat it foar 1900 makke is.
3
Objekt: négligé-jaske, mooglik foar yn ’t kreambêd foar ûntfangst fan besite en sa; los fallend; trijekwart mouwen.
Materiaal: batist.
Utfiering: achter brede fjouwerkante matroasachtige kraach, mei valencienne-kant en tuskensetsels fan masinaal kloskant.
4
Objekt: hûsmutske foar op bêd, te dragen by nûmer 3. As je gjin tiid ha om it hier op te meitsjen, kinne je it opsette.
Materiaal: hânmakke kloskant, mei haakwurk as tuskensetsel
négligéklean dat je net op portretten sjogge.
5
Objekt: in pear soupieds.
Jier: omstrings 1900.
Herkomst: Ingelân, etiket: ‘The Diamond Gaiter Regd. Made in England’.
Maat: lingte 26, hichte 16.
Materiaal: wol-lekken, lear, knoopkes wierskynlik been. Learen rymkes, izeren gesp (bytsje ruostich).
Utfiering: inkel lears sûnder soal.
Bysûnderheden: merkt en Ingels.
6
Objekt: Plunjesek.
Jier: begjin 1900.
Herkomst: Haarlem, etiket: ‘Tenten- en zeilmakerij, kampeerartikelen, vlaggen, Schouten De Jong, Haarlem’.
Maat: hichte 92, diameter 35.
Materiaal: hennep (kanvas).
Utfiering: Sek, masinaal naaid, mei in rûne boaiem mei in naad middenoer.
Bysûnderheden: Op ’e boaiem mei penne beskreaun: ‘BRANTSMA’; op ’e foarkant: ‘Gr. v. Heerdt’ (= Graaf van Heerdt).
7
Objekt: nachthimd foar in bern.
Jier: omstrings 1900-1925.
Herkomst: ûnbekend.
Maat: lingte 75, seamewiidte 133.
Materiaal: katoen, fantasyweefsel, ynweefd blokje en brodery.
Utfiering: masinaal naaid.
Bysûnderheden: ûngebrûklik de raglanmouwe, trijekwartmouwelingte ôfset mei brodery. Koartsje by de hals en by de mouwen. In gearend model. Midden-achter iepen.
8
Objekt: ûnderrok foar in bern.
Jier: omstrings 1900-1910.
Herkomst: ûnbekend.
Maat: lingte 39, seamewiidte 202.
Materiaal: tinne batist, yn ’e taille sit in elastyk dêr’t de rek út is.
Utfiering: wiidte is rimpele yn ’e taille, mei in stikje haad, in ‘hoofdje’. By de seame lâns in brede strook, brodery mei lytse blomkes.
Bysûnderheden: lúkse ferzy mei oprychsels en tuskensetsels.
9
Objekt: bavetsje, soarte fan sierslaab.
Jier: omstrings 1930-1950.
Herkomst: ûnbekend, konfeksje.
Maat: lingte 21, breedte 17, diameter hals 7.
Materiaal: wyt katoen mei lytse nopkes derop borduerd. Heel lyts pearelmoeren knoopke.
Utfiering: fuorre mei wyt flanel, masinaal ôfwurkrântsje.
10A
Objekt: mûtse.
Jier: omstrings1900-1940.
Herkomst: ûnbekend, gjin konfeksje.
Maat: hichte 16, djipte 15, lingte lint 38.
Materiaal: batist mei rôze side.
Utfiering: hoefizerfoarmige achterkant mei in strook rûnom mei in omsleine râne fan hânborduerd brodery. In siden strikbân by de kin.
Bysûnderheden: net in soad droegen.
10B
Objekt: mûtse.
Jier: omstrings1900-1940.
Herkomst: ûnbekend, gjin konfeksje.
Maat: hichte 16, djipte 15, lingte lint 23,5.
Materiaal: batist mei rôze siden satyn.
Utfiering: bol en in strook mei brodery, fuorre mei siden satyn, mei stolpploaikes by it gesicht lâns. Oan wjerskanten is in strik opsetten by de kin, en ôfsûnderlike strikbannen oannaaid.
Bysûnderheden: de foartekening fan ’e brodery is noch sichtber, sil sadwaande noait wosken wêze. Mei in lilk plak derop.
10C
Objekt: mûtse
Jier: omstrings 1900-1940.
Herkomst: ûnbekend, gjin konfeksje.
Maat: hichte 17, djipte 17, lingte lint 28.
Materiaal: batist mei rôze siden satyn. Brodery is ôfset mei masinaal kloskant.
Utfiering: lint soarget foar de foarm, mar de foarm is sels healrûn by de rjochter kant lâns is in stik brodery set, ôfset mei masinaal kloskant. By de rûne kant lâns binne knoopsgatten makke dêr’t in rôze lint trochrige is mei in strik midden-achter. By it kin is oan wjerskanten in lint naaid mei in strikje boppe-oan. Rûnom is in masinaal kantsje set. Fuorre mei tinne side mei keperbining.
Bysûnderheden: sjocht der goed út.
10D
Objekt: bernemûtske.
Jier: omstrings 1900-1940.
Herkomst: mooglik Nederlâns East-Yndië.
Maat: plat 21 by 30.
Materiaal: rôze crêpe fuorre mei rôze side, dat helendal ferteard is, allyksa it rôze lint.
Utfiering: lâns de gesichtside is in râne mei Frâns borduerwurk, wytwurkrantsje mei blommen. Foarm plat is mei twa hoeken mei in kwartrûne útsparring.
Bysûnderheden: mei drukknoopkes oait ta in mûtske byinoar knoopt. Strikje is noch geef: omdat der gjin kracht op kommen is, is it noch heel bleaun.
11
Objekt: doopmûtske.
Jier: omstrings 1950-1960.
Herkomst: ûnbekend.
Maat: hichte 12,5, breedte 13.
Materiaal: keunststof, miskien nylon.
Utfiering: beset mei strookjes kant, dy’t achterop omheech steane, fuorre mei glimmende wite fuorringstof. Fuorring is mei hân ynnaaid. By de gesichtskant lâns in rimpelde stripe kant.
12
Objekt: négligé-jaske sûnder sluting.
Jier: omstrings 1930.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië?
Maat: hichte 60, seamewiidte 128.
Materiaal: bleekgriene side en katoenen kant.
Utfiering: by de omtrek lâns en de sydnaden gielige masinale kloskant mei in motyf fan a-symmetrise boeketsjes. Iepening midden-foar is oan ’e ûnderkant ôfrûn. De koarte rjochte mouwen binne ek ôfset mei kant.
Bysûnderheden: bytsje grienich útslein.
13
Objekt: bloeze of kabaja.
Jier: omstrings 1930.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië.
Maat: lingte 73, seamewiidte 128, skouderbreedte 40.
Materiaal: tin katoen mei masinaal kloskant.
Utfiering: oan ’e foarside iepen, gjin sluting, lange mouwen.
Bysûnderheden: oanset fan it kloskant is yn skulpen oannaaid. Smeller by de mouwen as by it liif. Hûsdracht yn Nederlâns East-Yndië.
14
Objekt: bloeske.
Jier: omstrings 1915-1925.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië.
Maat: hichte 56, skouderbreedte 35.
Materiaal: wyt katoenen beambastkrêpe.
Utfiering: foar- en achterpân rimpele oan rjochte skouderstikken naaid. Heech opsteande kraach mei trije knoopkes. Iepening midden-foar slút mei trije kear trije pearelmoerknoopkes. Koarte mouwen mei in mansjetsje. Masinaal iepen borduerwurk yn fjouwerkantsjes neist de knoopsluting en op ’e kraach. Yn ’e taille is in brede bân fan tin katoen naaid. Miskien letter tafoege.
Bysûnderheden: in soad droegen, in soad reparaasjes. Fan ’e kraach ûntbrekt ien knoopke.
15
Objekt: bloeske.
Jier: omstrings 1910-1920.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië.
Maat: lingte 50, skouderbreedte 40.
Materiaal: wyt katoenen beambastkrêpe, masinaal kloskant en Iers haakwurk.
Utfiering: haakwurk, grof en fyn masinaal kloskant. Wide, fertikale ploaien oan ’e achterkant en iepen fallende brede kraach, dy’t slút mei twa hânmakke knopen en trenches. Opborduerde knoopkes. Underkant haakt, ‘Iers’, mei reliëfblomkes. Underkant sluting is mei twa parelmoeren knoopkes. Der sit in koartsje troch de seame yn ’e taille om dy nauwer te meitsjen. Ynset skouderstikje. Lange mouwen mei omslein mansjet.
Bysûnderheden: populêr begjin 20ste iuw, moai makke. Net repareard.
16
Objekt: kapmantel.
Jier: omstrings 1900-1930.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië?
Maat: grutste breedt 95, hichte 75, lingte strikbannen 87.
Materiaal: bleekrôze side mei masinaal kloskant (entre deux).
Utfiering: licht ploaide stripe rûnom. Model is plat, fierder sûnder naden út ien stik. Slút mei twa linten.
Bysûnderheden: kant is yn skulpen oanset en ynnaaid.
17A
Objekt: himd.
Jier: omstrings 1920-1930.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië
Maat: hichte ynkl. skouderbannen 52, hichte sûnder skouderbannen 36, wiidte 102
Materiaal: fyn wyt katoen, mei in brede stripe masinale kant
Utfiering: it himd hat ferskate figuernaden dy’t trochrinne yn it kant. It hat sydnaden. De skouderbannen binne oanset, losse bannen fan keunstside.
Bysûnderheden: grut postuer. En in reade ‘A’ fan ‘achter’.
17B
Objekt: restant himd mei strook.
Jier: omstrings 1920-1930.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië.
Maat: grutste breedte 30, strooklengte 182.
Materiaal: heel fine brodery.
Utfiering: twa stroken masinaal kloskant, mei dêroan in lange strook brodery.
Bysûnderheden: doel foar gebrûk ûndúdlik.
17C
Objekt: himd.
Jier: omstrings 1920-1930.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië.
Maat: hichte 32, 100 wiid, mei skouderbannen 149.
Materiaal: katoenen voile.
Utfiering: knoopsluting midden-achter of midden-foar. Ien rjochte strook, de knoopsluting is ferdekt. Mei pearelmoeren knoopkes en ien drukknoop. Kant by de boppekant del. Oan ’e binnenkant binne skouderbannen fan satyn naaid, dêr’t ien fan stikken is.
Bysûnderheden: by in knoopsluting midden-achter kin de draachster harsels net oanklaaie. Sit fierder gjin inkelde naad yn.
17D
Objekt: rjocht himd.
Jier: omstrings 1920-1930.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië.
Maat: hichte ynkl. 88, hichte sûnder skouderbanne 73, seamewiidte 148.
Materiaal: fyn wyt katoen.
Utfiering: mei oannaaide skouderbannen. Hânnaaid. Sydnaden rinne licht gearend út. Oan foarkant masinaal borduerwurk yn fjouwerkantsjes.
Bysûnderheden: in soad droegen mei ferstelplakken, fersliten skouderbannen, ynnaaide lapen. Letter in bantsje by de halsbân lâns naaid om dy nauwer te meitsjen.
17E
Objekt: lyfke.
Jier: omstrings 1900-1920.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië.
Maat: hichte ynkl. skouderbannen 53, wiidte 97.
Materiaal: fyn katoen.
Utfiering: iepening knoopsluting midden-achter. Oan ’e boppekant binne stringen masinaal kloskant oannaaid. Twa stroken oan ’e achterkant, ien stripe oan ’e foarkant. Foarpân is rimpele. Yn ’e taille sit in sleuf dêr’t in bantsje troch kin. Under de taille is in koarte rimpele strook. Fierder masinaal naaid.
Bysûnderheden: der hawwe siden skouderbannen oansitten dy’t ferfongen binne troch keunstsiden skouderbannen.
18A
Objekt: befke.
Jier: omstrings 1910-1940.
Herkomst: ûnbekend.
Maat: 34 by 23.
Materiaal: katoen.
Utfiering: rjochthoekich stik mei ynset filee(?)-kant dat in floraal motyf hat.
18B
Objekt: befke.
Jier: omstrings1910-1940.
Herkomst: ûnbekend.
Maat: hichte 27, breedte 23,5.
Materiaal: katoen.
Utfiering: rjochthoekich stik mei ynset filee(?)-kant dat in druverankemotyf hat.
Bysûnderheden: is repareard, hat plakken dy’t stoppe binne.
19
Objekt: bloeze.
Jier: omstrings 1910-1925.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië.
Maat: hichte 48, skouderbreedte 36.
Materiaal: tule fan katoen.
Utfiering: borduerd, mei bantsje. Rêchbân út ien stik, mei oan ’e boppekant trije nepnaden. Sluting midden-foar mei aparte slútbys mei drukknopen en dêrlâns in fertikale volant. Opsteand kraachje wat midden-achter ferstevige is en ynsette lange mouwen mei in ploaide strook by de pols. Op ’e tule binne boeketsjes tamboereard en de volant is masinaal borduerd mei blommen mei iepen herten.
Bysûnderheden: plak, sûkelade- of bloedplak op ’e volant.
20
Objekt: etui.
Jier: omstrings 1900.
Herkomst: Nederlâns East-Yndië?
Maat: ticht 30 by 17, lingte iepen 45.
Materiaal: katoen.
Utfiering: fantasyweefsel mei bledsjes.
Bysûnderheden: net yntensyf brûkt, foar yn ’e kast, foar persoanlike doeleinen.
21A
Objekt: bûsdoek.
Jier: omstrings 1850-1900.
Herkomst: Europees.
Maat: 43 by 45.
Materiaal: katoenen batist.
Utfiering: ôfrûne hoeken, omtrek omfestoneard mei skulpkes, hoekmotiven, a-symetrys blommotyf op in stroaimotyf fan bijkes (lestich te sjen). Sichsaggend omliste troch in kralen snoer. Frâns borduerwurk.
Bysûnderheden: sit in keurich stoppe winkelheak yn.
21B
Objekt: bûsdoek
Jier: omstrings 1850-1900
Herkomst: ûnbekend
Maat: 42 by 43
Materiaal: katoenen voile
Utfiering: ôfrûne hoeken, skulpte rannen. Mei de hân borduerd mei wat dikker sachter katoen. Foarkant is wat finer.
Bysûnderheden: heel moai sierlik. Foar in breidsbûsdoek is dizze krekt net lúks genôch. Ferskate lytse slytgatsjes.
21c
Objekt: bûsdoek
Jier: omstrings 1900
Herkomst: Europees
Maat: 39 by 38,5
Materiaal: katoenen batist
Utfiering: hat licht ôfrûne hoeken, ôfset mei twa stroken nopt batist troch in masinale iepen naad.
Bysûnderheden: swakke tastân, in soad gleeën, gatten yn weefrjochting. Ferskate kearen stoppe mei in heel fine nulle yn ’e hoeke.
21d
Objekt: breidsbûsdoekje
Jier: omstrings 1900-1920
Herkomst: Nederlâns East-Yndië
Maat: 27 by 27, rûn hert diameter 16
Materiaal: side en kloskant fan ûnbekend materiaal, mooglik ananasfezel
Utfiering: fjouwerkant bûsdoek mei in rûn hert, de râne bestiet út twa dielen dy’t yn ’e foarm klost binne. It is eins tige simpele kloskant, torchonkant.
Bysûnderheden: net tige funksjoneel
22
Objekt: ûnbekend
Jier: omstrings 1920-1940
Herkomst: ûnbekend
Maat: grutste breedte 40, grutste lingte 47
Materiaal: soart crêpe-side
Utfiering: trijhoekich lapke mei ynset in swarte bân dy’t yn in split einiget. Rûnom masinaal ôfwurke.
Bysûnderheden: gjin idee wat it is of foar watfoar doel. Rôze spikkels kinne skimmel wêze. Swart hat faaks mei rou te krijen.
23
Objekt: kleedsje
Jier: omstrings 1900-1940
Herkomst: mooglik Nederlâns East-Yndië
Maat: 46 by 53
Materiaal: krême tule fan mooglik keunstside. Gielich jern fan ramie (hat deselde eigenskippen as linnen). Ofset mei masinaal kloskant.
Utfiering: rjochthoekich kleedsje borduerd mei seispuntige stjerren, dêr’t de middelste grutter fan is en dy’t op in sniestjer liket. De kant rûnom is heel fine masinale kant mei in assymetrys blompatroan. Dit is hurder as katoen, mar wat is wol is, is noch ûnbekend.
Bysûnderheden: ienfâldich borduerwurk, dit is hûsflyt, thús makke.
24
Objekt: lyfke sûnder mouwen
Jier: omstrings 1910-1920
Herkomst: Nederlâns East-Yndië
Maat: hichte 43, skouderbreedte 36
Materiaal: katoenen tule
Utfiering: mei opsteande kraach. Split by de hals wurdt bedekt troch in jabot. Oan ’e ûnderkant foar is in rûnrinnende naad as is it diels in bolero. Op ferskate plakken is der tule oerhinnenaaid om it lyfke te ferstevigjen of om stikkene plakken te bedekken. Borduerwurk is tamboerwurk en folget de linen fan it model, dy’t in soart blomranken binne. Slút mei lytse koperen drukknoopkes. Der sitte trije celluloid balijnen yn ’e kraach. Mooglik binne mouwen derúthelle.
Bysûnderheden: droegen en repareard.
25
Objekt: hollesluier mei trijhoekige fersiering op ’e holle
Jier: omstrings 1900
Herkomst: Nederlâns East-Yndië
Maat: omstrings 80 by 80
Materiaal: ûnbekend, gjin hynstehier
Utfiering: fjouwerkante doek mei lâns de seam trochrige acht triedden fan frij dik mat materiaal, fan ditselde materiaal is in trijhoekich borduerwurk op ’e holle makke mei in râne fan bledsjes oan ’e rjochter side en bledsjes yn skulpen lâns de skeane kant mei dêrtusken in kronkelige line.
Bysûnderheden: tear, fermoeden punt nei foaren omdat dat eartiids brûklik wie. Seldsum: de kombinaasje sluier mei in hollefersiering yn ferwurke. Foar rou.
26
Objekt: tipmûtse sûnder tip
Jier: omstrings 1900
Herkomst: Fryslân
Maat: hichte 17, breedte 26
Materiaal: katoen
Utfiering: breide strook yn ’e nekke, mei ajour sich sach baantsjes. Oan ’e binnenkant is oer de râne in fiterbân naaid om it wat yn betwang te hâlden, om útrekken tsjin te gean.
Bysûnderheden: fochtplak, mei de hân naaid.
27 fragminten jûpe
27a
Objekt: seam fan in jûpe
Jier: omstrings 1900-1910
Herkomst: ûnbekend, konfeksje
Maat: wiidte omstrings 440, hichte maks. 43
Materiaal: heel fine tule fan katoen
Utfiering: borduerde râne lâns de seame, tuskensetsel healwei. Sletten strook. Skulpkes lâns de seam. Borduersel is in bân mei in gierlande fan lytse roaskes.
Bysûnderheden: fragmint.
27b
Objekt: strook fan warskynlik in jûpe
Jier: omstrings 1900-1910
Herkomst: ûnbekend, konfeksje
Maat: 148 by 13
Materiaal: heel fine tule fan katoen
Utfiering: hânnaaide naad oan ’e boppekant. Ynrige seam
Bysûnderheden: fragmint.
27c
Objekt: fermoedlik in drapery fan ’e jûpe
Jier: omstrings 1900-1910
Herkomst: ûnbekend, konfeksje
Maat: 94 by 66
Materiaal: heel fine tule fan katoen
Utfiering: trijkantich lap tule, oan twa kanten ôfwurke mei tulekant. Der sit in trijhoekich stikje oannaaid, suggereart in kraach.
Bysûnderheden: fragmint.
27d
Objekt: rjochthoekich lapke
Jier: omstrings 1900-1910
Herkomst: ûnbekend, konfeksje
Maat: lingte 35, grutste breedte 44, breedte boppekant 17
Materiaal: heel fine tule fan katoen
Utfiering: oan trije siden ôfwurke mei in ruche fan itselde materiaal (fine tule). De boppekant is ynnommen troch nulleploaikes en in rychnaad. Yn ’e ûnderste hoeken binne fjouwerkantsjes fan tule applikeard en mei in iepen seamstek fêstset. Bysûnderheden: fragmint. Fermoedlik in jabot.
28a-s
Objekt: losse stikken
Jier: omstrings 1900-1940
Materiaal: kant, te witten broderykant en masinaal borduerd kant
Oars: (net beskreaun)
29a-l
Objekt: voiles (gesichtsluiers)
Jier: omstrings 1900-1960
Materiaal: in soart keunstside
Utfiering: masinaal
Oars: (net beskreaun)
30a-k
Objekt: kleanassesoires.
Jier: omstrings 1900-1940
Materiaal: kant fan katoen
Bysûnderheden: nûmer 30 bestiet út 2 strikken, 2 jabots, 7 kragen
Oars (net beskreaun)
31
Objekt: grutte platte kraach
Jier: omstrings 1950-1960
Herkomst: Europees
Maat: grutste breedte 55, grutste djipte 25, hichte midden-achter 8
Materiaal: katoen
Utfiering: mei masinaal borduerde stroaimotiven. Boppekant is fan satijn fan merceriseard katoen, fuorre mei wyt katoen, de halsrâne is ôfwurke mei bysbân.
Bysûnderheden: net folle droegen.
32
Objekt: sentuer
Jier: omstrings 1950-1970
Herkomst: Europees
Maat: breedte 5, lingte 106, taillewiidte 99
Materiaal: donkerblauwe satijnbân
Utfiering: mei in drukknoopsluting ûnder in strik
Bysûnderheden: gjin.
33
Portrets of Gerrit Ferdinand Brantsma, Samuel Hendrik Brantsma (3x) and Amelia Gerardina barones van Heerdt tot Eversberg.
Sam in christening dress, housed in Brantsma II Collection – XV.1 – Object 1.