De Jong – Súdwesthoeke

Sintraal stiet de libbensbeam, middenmank in doarpsgesicht mei tsjerke, sealtektoer en kop-hals-romp pleats mei op ’e foargrûn in ploegjende boer achter in ienskaarploege lutsen troch in twaspan. Dêrneist in silende aak of snikke.
Underoan de beammestam stiet yn Jugendstylletters beskreaun: Psalm 24:2; en yn ’e woartels linksom: De Heare sines is de ierde, en rjochtsom: Hy hat se groune op’e séën. Op ’e ûndergrûn in iepen boek – de Bibel tink – mei de tekst: Dy’t oer-wint, ik/scil him/to iten/jaen van de/libbens-beam]Iep.[enbieringen] 2:7.
As dit tablo útfierd wie, soe it fyftjin tegels fan 13 x 13 sm. befette hawwe; trije yn ’e breedte en fiif yn ’e hichte, de rânê dêrby ynbegrepen.
De tekening is net sinjeard. Mooglik is de makker Jan Romkes Steensma (Purmerend 1887-Snits 1967; x 1918 Tjitske Steringa), dy’t sûnt 1907 as plateelskilder wurket by Tichelaar te Makkum.
Sjoch: P.J. Tichelaar, Fries aardewerk – Tichelaar Makkum 1868-1963, Primavera Pers, 2004, ISBN 9789074310901, side 213). Mei tank oan Pieter Frietema fan Keninklike Tichelaar.
Sjoch fierderop.
Klik op ôfbylding foar fergrutsjen.
Kertiersteat Yke de Jong
Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
KO = Kristlik Ofskieden
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in kertiersteat?
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Haadstikken
& Ynlieding
& Ferneaming Yke
& Skoarstienstik mei libbensbeam
& Sa kin it net! – Alderling Piter Ottes de Jong ferheft stim en hân tsjin keninklik geweld
& Piter Ottes de Jong foarroppene ta it ‘Rjocht’
& Piter Ottes de Jong ûndernimmer yn it stoflike – yn 1840 eigner mole Het Lam te Wesein
& Soethout – teken fan selswêzen?
& It bliuwt yn ’e famylje: De Jong-Soethout-Tromp
& Dûbele namme, dûbele moraal? – Aukje Sjoerds Duinaar Pietersma en har twadderlei bern
& Migyl Hayes Soethout syn besit yn 1832 te Ypkolsgea
& Jelle Jurjens Nauta, de earste Wâldseinder skipper dy’t oer de Sont komt
& Troudicht fan omke Daniel Heinsius op Daniël de Burchgrave * Ieper, België, 1584 † Leiden 1624 en Anna Magdalena Oosterlincx, nrs 14.352 en 14.353 yn dizze kertiersteat.
& Ynlieding
Yn dizze kertiersteat binne de earste trije generaasjes De Jong fan heit op soan bakker, fierder yn ’e tiid op is dat laach keapman en skipper. En mûnders fan de nôtmoles Het Lam en De Ruiter te Wâldsein. Under dit folk sitte ek nochal wat wolfarrende seelju en skûtmakkers, lykas de Nauta’s (nûmer 34 yn dizze kertiersteat), – Nauta is Latyn foar seeman, as jim dat noch net wisten – de Soethouten (17) en de Trompen (69) te Wâldsein.
Opmerklik is dat Yke (1) en har klaaiklute Arjen yn 1966, as se it Suderleech farwol sizze, ek yn Wâldsein delstrike, oan ’e Age Hylkes Trompstrjitte, Yke har fiere miich. Dêr by Wesein besile se it wetterlân, lykas Yke har foarâlderlike sibben dat dienen – moaiwaarsilers en farrenslju by nacht en ûntij.
Fansels stamme dizze lânslju – lykas alleman, hoe soenen se net? – ek ôf fan haadlingen en eallju of wat dêr foar trochgean sil. Hjir beteart soks ûnder oaren fia de Hettinga’s fan Teroele, dêr’t Wytske Tietes (277) om 1680 hinne tahâldt op har hege Hettingastins. En dan komt men by dy har betoerbeppe Ymck Harings van Harinxma thoe Heeg (35.459), omstrings 1370 dêr geboaren; mar ja, dan ha je ek al mear as 35.000 foarâlden – en safolle lju libben hjir yn dy tiid doe net, dat je moatte wol útkomme by dy geslachten.
En fierder binne fansels Yke en Arjen ek besibbe – bygelyks troch har mienskiplike foarfaar Upka Johans toe Knossens, yn 1543 boer op Knossens ûnder Bolswert.
Dêrfoaroer ha wy de heukerachtige Aukjen Jans Joustra (103), yn 1825 ongeletterd arbeidster en turfmjitterske te Balk; skriuwe ken se net, rekkenje wol. By guon fan dizze ‘Kleyne luyden’ sit lykwols jit modder oan ’e kloet: skipper-nôtkeapman Otte Jans de Jong (32) en boerinne Knilliske Sipkes de Boer (35) fergiet it op ’e âlde dei as rintenier en rintenierske blykber foardelich yn it breanedige, en feekeapman Reitze Hendriks Jonkman (14) lit fjouwer pleatsen oan syn kroast nei.
Gâns fan dit skriftgelearde en gesachsgetrouwe folk docht de yngripende kar foar de Ofskieding fan 1834. Piter Ottes de Jong (16), nôtkeapman te Wolvegea, is dêr de foaroanman yn 1836. Hy lit befynlike earetsjinsten hâlde yn syn skuorre. Dat is by de weareldse wet ferbean, mar de boetes dy’t er út namme fan ’e kristelike kening oplein krijt, noch it lyflik geweld op foarstelik gesach, wjerhâlde him om dy godtsjinstoefeningen troch te setten.
Wa hat dokuminten, brieven, akten, foto’s fan dizze lânslju? Soks is by Erfgoed Fundaasje behoarlik te plak foar beskriuwing, behâld en feilich stellen foar de takomst fan ús aller mienskipsbesit.
En famyljeferhalen tuge sa’n skûte moai op. In besteklike koarte anekdoate set fansels ek de seilen by. Dit is wurk yn útfiering. En gjin wif skip. Wa skuort oan ’e fok? Wa nimt op dizze feart it roer oer? Poergeskikt foar in floeiende podcast. Goede feart! info@erfgoed-fundaasje.nl
KERTIERSTEAT

7-11-1944
1 Yke de Jong * De Jouwer 8-5-1919 † Ljouwert, Nijlân State, 10-3-1997 [] Bitgum, rigel 18, grêf 9; G; fan 1942 oant 7-11-1944 ûnderwizeres oan ’e Kristlik Nasjonale Skoalle te Bitgummole; Yke moat neffens de wetlike regels op Arbeidsverbod voor gehuwde vrouwen mei har trouwen de brui oan har berop jaan;
x Ljouwert 7-11-1944
Arjen Gerbens Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 6-9-1915 † Ljouwert, Nijlân State, [] Bitgum rigel 18, grêf 9; G, letter GT; gernier te Bitgummole; de húshâlding ferfart 16-4-1947 nei Emmeloard yn it Suderleech, Noard Oast Polder, se wenje as pioniers yn in houten keet yn it saneamde Túndoarp, it lettere Emmeloard, yn 1950 bifakkeare se tydlik yn in pleats te Espel, dêrnei hiere se in hûs fan Hettema Zonen oan ’e Yndustrywei, yn 1954 sette se har nei wenjen oan ’e Skokkerwâl;
Arjen Brouwer is twa jier yn tsjinst fan ’e direksje W.M./N.O.P.-wurken-kultuer; op 3-6-1947 wurdt er troch de N.A.K.-kommisje (Nederlandse Algemene Keuringsdienst) beneamd as ien fan ’e trije earste keurmasters yn ’e N.O.P.;
hy hiert yn 1949 foar eigen rekken, trije jier los lân fan dy direksje foar de ferbou fan setierdappels en begjint mei de hannel yn set- en konsumpsje-ierdappels (foar in hoart ek yn ’e mande mei Hettema Zonen);
Arjen en Yke ferfarre yn 1966 nei Wâldsein; fan 1968-1978 is Arjen meiwurker bûtentsjinst Centraal Bureau voor de Statistiek (C.B.S.); yn 1993 ferhuzje se út Wâldsein nei Nijlân State te Ljouwert;
soan fan Gerben Reimers Brouwer en Antje Dirks van der Schaaf, bouboeren op Nij Fellingwurd te Menaam ûnder Bitgum
Sjoch foar neiteam fan Yke en Arjen: Genealogy Brouwer 1: Reimer Gerbens – Erfgoed Fundaasje % % XV.2
& Ferneaming YKE
>beppesizzer: YKJE Brouwer * Hallum 7-7-1985, dr fan Knillis Brouwer en Lolkje Bergstra
>beppe: YKE Reitzes Jonkman, nr 7 yn dizze kertiersteat
>oer-oer-oerbeppe: YKE Oepkes van der Schoot, nr 61
>ûnderskate âldmuoikes mei de namme Yke
>bet-oerbeppe: YKE Oepkes, nr 245.
Yke komt fan Ige, giet mooglik werom op it germaanse id = wurkberens, of îdh = fernijing, ferjonging; âldgermaans ides = faam, frou; fergelykje de goadinne Iduna, Iðunn, goadin fan ’e ivige jeugd.
& Skoarstienstik mei libbensbeam
Oan de Kolleksje Brouwer-Bitgum waard yn 2022 tafoege in ûntwerp út 1953 (datum ferpakking: 7 july) foar in tegeltablo fan N.V. Tichelaars Kleiwarenfbriek te Makkum (Koninklijke Tichelaar, 1572)
It tablo wie wierskynlik ornearre foar in nij hûs fan de ierdappelkweker Arjen Gerbens Brouwer en Yke de Jong, pioniers yn ’e Noard Oast Polder, mar it is noait útfierd. De tekening yn swart potlead is 39 sm breed en 65 sm heech.
Sintraal stiet de libbensbeam, middenmank in doarpsgesicht mei tsjerke en kop-hals-romp pleats mei op ’e foargrûn in ploegjende boer achter in ienskaarploege lutsen troch in twaspan. Dêrneist in silende aak of snikke.
Underoan de beammestam stiet yn Jugendstylletters beskreaun: Psalm 24:2; en yn ’e woartels linksom: De Heare sines is de ierde, en rjochtsom: Hy hat se groune op’e séën. Op ’e ûndergrûn in iepen boek – de Bibel tink – mei de tekst: Dy’t oer-wint, ik/scil him/to iten/jaen van de/libbens-beam]Iep.[enbieringen] 2:7.
As dit tablo útfierd wie, soe it fyftjin tegels fan 13 x 13 sm. befette hawwe; trije yn ’e breedte en fiif yn ’e hichte, de rânê dêrby ynbegrepen.
De tekening is net sinjeard. Mooglik is de makker Jan Romkes Steensma (Purmerend 1887-Snits 1967; x 1918 Tjitske Steringa), dy’t sûnt 1907 as plateelskilder wurket by Tichelaar te Makkum.
Sjoch: P.J. Tichelaar, Fries aardewerk – Tichelaar Makkum 1868-1963, Primavera Pers, 2004, ISBN 9789074310901, side 213). Mei tank oan Pieter Frietema fan Keninklike Tichelaar.
2 Kornelis de Jong (ek: Kees, Knillis) * De Jouwer 8-8-1892 † 9-8-1975 [] Huzum; G; by trouwen bakker op ’e Jouwer; sûnt 10-5-1920 bôle- en banketbakker yn ’e Skrâns ûnder Huzum (hûsnr D46);
x Hasterlân 30-5-1918, beide 25 jier
3 Aukje Woudstra * Rottum, Skoaterlân, 5-5-1893 † 20-8-1966 [] Huzum; G; by trouwen sûnder berop te Westermar; dêrnei bakkerske
Aukje hat in suske fan deselde namme: Aukje Woudstra * Rottum 12-4-1892 † dêr 13-4-1893, 1 jier.
4 Pieter Kornelis de Jong * Bolswert 7-6-1865 † 19-9-1957 [] Huzum; KG, letter G; ferfart Alde Maaie 1882 fan ’e Jouwer nei Drachten; yn 1891 en dêrnei bakker op ’e Jouwer;
x Haskerlân 16-7-1891, 26 en 25 jier
5 Antje Arends Bloemberg * De Jouwer 19-5-1866 † Huzum 6-8-1937, 71 jier [] Huzum; KG, letter G; ferhuzet op 4-9-1883 as faam nei Menameradiel; yn 1884 idem te Broek, yn 1884 idem op ’e Jouwer; ferfart Alde Maaie 1886 nei Haarlem; komt op 14-7-1888 dêrwei op ’e Jouwer; ferfart dêrwei op 9-7-1888 wer nei Haarlim; by trouwen sûnder berop op ’e Jouwer, dêrnei dêr bakkerske
Antsje har heit en mem, bruorke Jacob en suskes Meintje en Ybeltje ferfarre op 1-5-1893 nei Grand Rapids; Antsje is de âldste dochter, al troud en bliuwt as iennichste achter.
6 Gerrit Thæs Woudstra * Oldeholtwoolde 24-1-1868 † Meppel 21-8-1946; KG (lid fan ’e Kristlik Grifformearde Gemeente te Mildam), letter G; by syn trouwen yn 1889 keapman te Oldeholtwoolde; komt op Alde Maaie 1889 út Aldskoat te Rottum (nr 23), dêr greidboer; ferfart dêrwei op 30-4-1898 nei Blankenham; sûnt 30-4-1904 greidboer te Sniksweach (21, B54); ferfart dêrwei op 21-12-1911 nei It Hearrenfean; yn 1918 greidboer te Westermar;
x Skoaterlân 10-5-1889, 21 en 23 jier
7 Yke Reitzes Jonkman * Aldskoat 28-1-1866 † Ousterhaule 8-8-1932, 66 jier; NH, letter G; by trouwen sûnder berop te Nijeskoat; komt op Alde Maaie 1889 út Nijeskoat te Rottum (hûsnr 23)
Sjoch fierders foar de kertieren Jonkman: Reitze Jonkman Reitze Johannes Jonkman kertiersteat mei libbenssketsen en portretten, en Famyljeboek Jonkman
8 Kornelis Pieters de Jong * Wolvegea 9-8-1832 † Drachten 8-9-1917, 83 jier; NH (1869), KG (1874, 1883), G (1896); by trouwen bakker te Wâldsein; ferfart dêrwei op Alde Maaie 1860 nei Bolswert, dêr bakker op ’t Grutsân 192; ferfart dêrwei op 5-10-1869 nei Snits; yn 1871 keapman te Wolvegea; ferfart dêrwei op 4/31-10-1871 nei Warten (81), der keapman, yn 1872 dêr bakkersfeint; ferfart dêrwei op 5-5-1875 nei Sûwâld, is dêr keapman (nr 284); ferfart dêrwei op 28- 4-1877 nei Surhústerfean, is dêr winkelman (nr 85); sûnt 6-6-1883 keapman te Suder-Drachten; sûnt Alde Maaie 1890 winkelman te Noarder-Drachten (nr 60); sûnt Alde Maaie 1892 keapman te Suder-Drachten; sûnt 1-6-1896 keapman te Drachten (Wyk M, 70, 79); by ferstjerren dêr sûnder berop
Knillis Piters de Jong is neffens it Befolkingsregister yn 1869 Nederlâns Herfoarmd. As dat sa is, is dat apart, want syn heit is sûnt 1836 foaroanman by de Ofskieding fan 1834, sjoch nûmer 16. Hat Knillis wifke? Letter stiet er te boek as Kristlik Grifformeard (bygelyks yn 1874) en yn 1896 as Grifformeard.
x Wymbritseradiel 19-5-1860, 27 en 24 jier
9 Jeltje Freerks de Boer * Toppenhuzen 17-8-1835 † Drachten 3-2-1916, 80 jier; KG, letter G; by trouwen naaister te Toppenhuzen; by ferstjerren sûnder berop te Drachten
10 Arend Jacobs Bloemberg * De Jouwer 26-11-1835 † Grand Rapids, Kent County, Michigan 8-2-1896, 60 jier [] Oakhill Cemetary, Grand Rapids; NH, letter KG; tsjerkeriedslid Kristlik Grifformearde Gemeente op ’e Jouwer; skipstimmerfeint te Nijehaske (nr 65); sûnt 4-11-1860 idem op ’e Jouwer (nr 253), dêr letter skipstimmerman; de húshâlding ferfart op 1-5-1893 nei Grand Rapids;
x Haskerlân 4-11-1860, 24 en 23 jier
11 Geeske Jans Vos * Middelsum 10-10-1837 † Grand Rapids, Kent County, Michigan 5-1-1896, [] Oakhill Cemetary, Grand Rapids; by trouwen sûnder berop te Hoogezand, de seis moanne dêrfoar op ’e Jouwer
Arend ferkeapet yn ’e mande mei syn sibben op 1-5-1860 in part fan in graverij en in in part fan opstal fan gebouwen op ’e Jouwer; keapsom: f 385,00; notaris: Johannes Hermannus David Munnik op ’e Jouwer; Repertoire: 068076
Arend ferhiert op 1-10-1878 oan Yke Radmers van Wijngaarden, skipper te Warkum, foar trije jier in bokfartúch; notaris: Hendrik Jacob Willem Terlet op ’e Jouwer; Repertoire: 069054
Arend ferhiert op 23-4-1880 oan Bartle Jacobs Ruiter te Snits foar seis jier it skip ‘Jacob’; hiersom:f 64,00 yn ’t jier; notaris: Hendrik Jacob Willem Terlet op ’e Jouwer; Repertoire: 069054
Arend ferkeapet op 19-4-1893 ûnreplik guod op ’e Jouwer; opbringst: f 1.998,00; notaris: Hendrik Jacob Willem Terlet op ’e Jouwer; Repertoire: 069054
12 Thæ Gerrits Woudstra * Aldskoat 1846 † dêr 15-4-1881, 34 jier; KO; by trouwen en ferstjerren keapman te Aldskoat; wennet mei de húshâlding by syn heit yn;
x Skoaterlân 26-12-1867, 21 en 22 jier
13 Jantje Harmens van Ek * Oldeholtwoolde 21-1-1845 † Ousterhaule, wenjend te Wolvegea, 19-10-1932, 87 jier; KO; yn 1867, 1889 sûnder berop te Aldskoat, wennet dêr as widdo mei har bern Gerrit en Aukje yn by har skoanheit Gerrit Thæs Woudstra
14 Reitze Hendriks Jonkman * It Oranjewâld 4-7-1832 † Nijehaske 23-9-1913; NH; by trouwen feekeapman te Oranjewâld, dêrnei idem te Aldskoat-Nijeskoat (20b), sûnt Alde Maaie 1866 te Nijehaske (20h, 18); ferhuzet op 16-5-1898 út Skoaterlân (48) nei It Hearrenfean; komt op 3-5-1912 út ’t Hearrenfean yn Nijehaske, dêr’t er as widner rinteniert en Korneliske Jager (* Aldskoat 22-3-1851), widdo Reitze van het Meer, húshâldster by him is;
Reitze hannelet net om ’e nocht: hy lit fjouwer pleatsen nei oan syn bern
x Skoaterlân 13-5-1855
15 Janke Johannes van der Tuin * Nijeskoat 20-11-1833 † Nijehaske 12-5-1912; NH; by trouwen sûnder berop te Nijeskoat
Reitze Johannes Jonkman nrs 32 en 33
16 Pieter Ottes de Jong * Himmelum 13-6-1800 ~ dêr 6-7-1800 † Koudum 8-11-1859, 59 jier; NH, omstrings 1834 KO; by trouwen keapman te Balk; yn 1824 fearskipper te Wolvegea, yn 1826 en ’28 dêr neamd skipper; yn 1830, ’32, ’35 en ’38 dêr keapman; yn 1840 rogge- en pelmûner en eigner fan ’e nôtmûne Het Lam te Wâldsein, dêr allyksa keapman en sûnt 1845 dêr winkelman, sjoch hjirûnder: & Piter Ottes de Jong, ûndernimmer yn it stoflike; sûnt omstrings 1858 sûnder berop te Koudum;
yn 1842 mei-stichter fan ’e Kristlik Ofskieden Tsjerke te Wolvegea dy’t op 27-2-1836 yn Piter Ottes syn skuorre befestige wurdt troch dûmeny Simon van Velzen;
x Gaasterlân 1-6-1823, 22 en 21 jier
17 Akke Machiels Soethout (yn Boargelike Stân meast Zoethout, Akke tekenet har trou-akte sels mei: Soethout) * Ypkolsgea 29-7-1801 ~ dêr 16-8-1801 † Wâldsein 2-5-1857, 55 jier; NH, omstrings 1834 KO; by trouwen ‘Boerendochter’ (betsjut yn dit gefal dat se meiarbeidet op ’e âlderspleats) te Ypkolsgea; by ferstjerren sûnder berop te Wâldsein
Sjoch:
Ds. S. van Velzen (1809-1896) | Website gewijd aan de landelijke en regionale geschiedenis van de Gereformeerde Kerken in Nederland (GKN) 1834-2004.
Dr J. Wesseling – De Afscheiding van 1834 in Friesland Deel II
& Sa kin it net!
– Piter Ottes de Jong ferheft stim en hân tsjin keninklik geweld
Dr J. Wesseling beskriuwt hoe’t it der mei de Ofskieding yn Fryslân om en ta gong. Yn Diel III komt Wolvegea oan ’e oarder, hjirûnder in fragmint: út X Wolvega, De Afscheiding van 1834 in Friesland. Deel 3. De classes Sexbierum (Franeker), Sneek en Tjalleberd (Heerenveen) van de Afgescheiden kerken, Jan Wesseling – DBNL
Piter Ottes de Jong lit yn syn graanskuorre te Wolvegea tsjinsten hâlde foar de Ofskiedenen. Dat sil er witte. Ds Simon van Velzen befestiget de Ofskieden gemeente te Wolvegea yn Piter en Akke har skuorre op 27 jannewaris 1837. Piter Ottes wurdt âlderling. Dat âlderlingewurk – de praktise fersoarging fan ’e earmen, de hús- en sikebesoeken – lycht der net om. De behoeftigen krije diakonale fersoarging oan ’e hân fan linnen ûnderguod, opknappen fan ’e klinte, in widddo krijt in kalkbak om de kost te fertsjinjen en der wurde útlannen hierd foar it bouwen fan ierdappels.
De leden fan ’e Ofskieden gemeente Wolvegea húsmanje yn alle úthoeken: Tsjalbert, It Hearrenfean, De Knipe, Rottum, De Jouwer, Sonnega, Oldetrine, Blesdyk, De Ridders, (=Ter Idsert), Oldeholtpea, Aldeboarn, Langsweagen, De Gordyk en alle úthernen dêromhinne, koartsein: it súd-easten fan Fryslân, faak berûn op minne modderwegen. (Wesseling s. 294-295)
It gebiet is te grut om goed te beärbeidzjen, sawol geastlik as stoflik. Sadwaande wurdt op 7 novimber 1838 it beslút nommen om de Ofskieden Gemeente Wolvegea yn fjouweren te ferpartsjen, byinoar brocht yn ’e Klassis Tsalbert. Under oaren Wolvegea mei de doarpen besuden de Tsjonger. Dêr is Piter Ottes de Jong âlderling mei Jacob Arends Zoer. Dy kinne inoar net fele. Zoer komt net mear yn tsjerke. Piter Ottes soe Zoer syn ‘duvel’ wurden wêze omdat dy him de tsjerklike houliksbefestiging net tastie foar syn twadde houlik, dat plak hie krapoan seis moanne nei it fertigen fan Zoer syn earste oare helte. Sa soe Zoer syn gram helje. De Jong giet nei Zoer syn hûs en freget him om mei op te gean nei Sion. Mar Zoer behurdet en rookt syn piip thús út. De man wol ek net mear nei de klassis, hy wol by syn affearen bliuwe. De kwestje wurdt lykwols bylein en Zoer giet foar yn tanksizzing op ’e tsjerkeried fan 26 augustus 1836. (Wesseling s. 298).
De gemeente fan Wolvegea is swak. De leauwigen kinne ds Reemt Weerts Duin – dy’t yn 1839 neist Van Velzen as dûmeny foar hiel Fryslân oansteld wie – net erkenne as hoeder en learaar op grûn fan dûmeny syn ‘gefoelens’.
Sjoch: Hoofdstuk 11 Drie brieven van ds. R.W. Duin, De Afscheiding van 1834. Deel 5. Documenten uit het archief ds. H.P. Scholte, bewaard te Pella, Iowa, U.S.A. (vervolg), C. Smits – DBNL
Nei de tsjekeriedsgearkomste fan 13 novimber 1839 wurde net mear notulen skreaun, de gemeente wurdt opheft yn 1840. Tritich jier letter sjocht te Wolvegea in nije Kristlik Ofskieden Gemeente it ljocht.
De earste tsjerkeriedsgearkomste is op 11 april 1836 by Piter Ottes de Jong oan hûs. Dy wurdt fersteurd. Ien fan ’e húsgenoaten fan Piter hâldt der in brutsen earm oan oer en foar de tredde kear kletterje de stiennen troch syn ruten (Wesseling, side 277).
Oan dat geweld wolle Piter en Akke mei har fiif bern – de âldste is alve – en de ynwenjende faam, net bleatstean. De oare deis docht Piter op ’e nij syn beklach by de boargerlike oerheid, mar dat rint alwer op neat ut.
Op ’e tsjerkeriedsgearkomste op 7 septimber 1836 binne by Piter-en-dy ek guon dy’t har by de Ofskiedenen oanslute wolle; mei-inoar fjirtjin minsken, tweintich is it maksimale tal dat tastien is. Mar foar it hûs stiet in grutte kliber Wolvegeaster te flokken, skellen en driigjen. Se slaan wat glêzen yn en stean klear om elk dy’t nei bûten komt mei de stôk te liif te gean. Dat doart gjinien fan ’e befynliken fansels.
De fijannen fan ’e finen bine de doar fêst. De trije oeren dêrnei sitte de otterdoksen yn eigen hûs te finzen. Dan klimt ien fan har troch ’t rút en befrijd de stervelingen.
Wesseling, side 271:
X WOLVEGA
Hoe het in die nachtelijke godsdienstoefening toeging, lezen we ook in het verhaal. Van Velzen kondigde af, dat ieder die zich bij de nieuw te vormen gemeente wilde aansluiten, ‘zich moest verbinden aan de Gereformeerde leer en tucht, wijl de afscheiding ene bevestiging inhield, ene verlating der valsche Godsdienst en kerk, en het opnemen van het ambt der gelovigen gelijk dit in het 28ste artikel der Geloofsbelijdenis der Gereformeerde kerken in Nederland beschreven wordt, zoodat een iegelijk, die zich bij de gemeente aansloot daardoor zijne opregte keuze te kennen gaf om in de Mogendheid des Heeren de Gereformeerde Godsdienst in waarheid uit te oefenen.’ Confessionele klanken!
Hierop verzocht ds Van Velzen hen, die lidmaat wilden worden, op te staan ‘om eenige vragen in opregtheid voor Gods aangezicht te antwoorden. Deze vragen behelsden in het kort de voorname stukken die noodig gekend moesten worden om zalig te leven en te sterven.’
Zeventien personen gaven hierop hun toestemmend antwoord, ‘verklarende tevens bereid te zijn om liever met Gods volk kwalijk behandeld te worden als de genietingen der zonde te hebben, waarna de leeraar hen in de naam des Heeren zegende, en de genade en kracht Gods tot getrouwheid en volstandigheid toewenschte.’ Deze 17 personen werden nu als belijdende leden van de gemeente beschouwd.
Vervolgens vroeg ds Van Velzen op te staan, wie zich als ‘bijwoners’ bij de gemeente wilden voegen. Ze kregen de vraag te beantwoorden of zij de Gereformeerde leer als de ware erkenden en of zij zich wilden onderwerpen aan de kerkelijke tucht. Nadat ze hierop een bevestigend antwoord hadden gegeven, ‘zegende’ ds Van Velzen ook hen. We merken hierbij op, dat bijwoners niet golden als leden in volle rechten. Soms bleven ze op papier nog lid van de hervormde kerk, maar ze leefden kerkelijk en financieel wel met de Afgescheidenen mee.
In het notulenboek volgen dan de namen van 19 personen, die zich in de nacht van 27 op 28 februari 1836 bij de Afgescheiden kerk van Wolvega hebben aangesloten.
De frijsinnige ferdraachsume oerheid kin de befynlike meimins mar net ferdrage.
Op earste Krystdei 1836 wol de grytman fan Skoaterlân, Hans Willem de Blocq van Scheltinga, mei syn soldaten de krystfiering fersteure. Hy lûkt al flokkende dûmeny Van Velzen fan syn preekplak ôf. Piter Ottes de Jong stelt dêrta Dit kin sa net! – en hy wol de tjirgjende grytman delbêdzje.
Wesseling (side 287):
Met de Kerstdagen van 1836 kwam ds Van Velzen volgens afspraak weer naar de zuidoosthoek van Friesland om daar in enkele plaatsen het Woord te bedienen. Maar ook nu weer liep het fors uit de hand.
Op zaterdag 24 december was hij met de diligence in Heerenveen aangekomen. Bij Martinus Oenes Wagenaar, de boer in Het Meer, had hij zijn logiesadres. Het was de bedoeling, dat hij de volgende dag bij Fedde Wiepkes Ylsinga, de 45-jarige timmerman in Beneden Knijpe, een Kerstpreek zou houden en het Avondmaal bedienen. Over die kerkdienst lezen we in de kerkeraadsnotulen:
Onder het zingen was de grietman van Schoterland15 binnengekomen in gezelschap
van een assessor (wethouder) en drie veldwachters, heel oneerbiedig ‘met de hoeden op hare hoofden’. Na daar enige ogenblikken te hebben gestaan, sprak de grietman zonder te zeggen wie hij was: ‘Ik verzoek stilte.’ De gemeente zong door. De grietman herhaalde zijn verzoek. De gemeente bleef doorzingen tot de beide psalmverzen uit waren.
Toen wendde de grietman zich tot ds Van Velzen met de woorden: ‘Mijn Heer Van Velzen, gewezen Leeraar, ik verzoek u deze vergadering uiteen te laten gaan.’ Van Velzen antwoordde, dat hij daarvoor de bevoegdheid miste, omdat hij hier op verzoek van de gemeente was gekomen. De grietman reageerde hierop met: ‘Ik kom hier uit naam van den Koning om deze vergadering uiteen te drijven’ en onder veel gevloek schreeuwde hij tenslotte: ‘Ik ben soldaat geweest,’ pakte ds Van Velzen woest beet ‘en scheurde hem met geweld van de plaats waar onze leeraar stond.’
Toen stond ouderling Pieter Ottes de Jong op met de woorden: ‘Dit kan zo niet,’ en liep driftig op het tweetal toe. Maar de grietman duwde woedend de ouderling van zich af. Deze greep hem bij de jas (‘rok’) om zich staande te houden, waarop de grietman weer riep: ‘Tast mij niet aan, ik ben de grietman!’ Wel probeerde Van Velzen hem tot bedaren te brengen, maar hij wilde niet naar Van Velzen luisteren, zo lang deze zijn mantel en bef niet had afgelegd. Van Velzen voldeed aan de voorwaarde en zei nu, dat de rechtbank te Heerenveen ‘ons’ volgens de wet altijd vrij sprak.
De grietman – door het dolle heen – ging ‘op de plaats staan waar hij onze leeraar had weg gescheurd en sprak: Ik weet van geen rechtbank, ik weet van geen wet, ik ben zelf de wet.’ De gemeente vond het nu maar het beste weg te gaan. Sommigen gingen naar huis; anderen deden volgens de les van de Zaligmaker: ‘Indien zij u vervolgen in de ene stad, vlucht naar de andere,’ en gingen naar Wolvega naar het huis van ouderling Pieter O. de Jong. Daar kwam Van Velzen ‘s avonds ongehinderd preken over Jezus’ geboorte en het Avondmaal bedienen.
De rechtbank te Heerenveen veroordeelde De Jong wegens ‘feitelijke en gewelddadige tegenstand geboden tegen de grietman van Schoterland’ tot een boete van ƒ 20,-. Dat was niet zoveel, maar de rechtbank had in rekening gebracht ‘dat echter de hele toedracht van de zaak zo vele verlichtende omstandigheden oplevert’ dat er termen aanwezig waren om de bij de wet gevorderde straf te verminderen.
De volgende dag – tweede Kerstdag – zou Van Velzen weer in Wolvega voorgaan, blijkbaar niet in het huis van ouderling De Jong, maar ‘op de plaats waar alle Zondagen te Wolvega Godsdienst werd verrigt’. Waarschijnlijk was dit het huis van de 38-jarige naaister Jacoba Muntingh, die in januari 1837 door de rechtbank van Heerenveen werd vrijgesproken van de aanklacht, dat ze op tweede Kerstdag ’36 haar huis ter beschikking van de separatisten had gesteld. (Ze zou een paar jaar later trouwen met de weduwnaar-schoenmaker Jacob Arends Zoer te Blesdijke, toen ouderling van de Afgescheiden kerk te Wolvega.
De dienst op tweede Kerstdag verliep weer niet ongehinderd. Lag Beneden Knijpe in de grietenij Schoterland (waar de vorige dag een kerkdienst haast met een vechtpartij was geëindigd), Wolvega behoorde bij West stelling werf, zodat nu een andere grietman (Van Heloma) in actie kwam. Hij stuurde een rapport van het gebeurde op maandag 26 december ’36 aan de Officier van justitie bij de rechtbank te Heerenveen.17 Daaraan ontlenen we het volgende:
Op zondagmorgen 25 december ’36 had de grietman van de Officier van justitie een tip gekregen, dat er die dag of de volgende morgen in Wolvega een godsdienstoefening van separatisten onder leiding van ds S. van Velzen zou worden gehouden. Het lukte de grietman niet hierover meer aan de weet te komen. Maar maandagmorgen om 11 uur kwam het bericht, dat zo’n bijeenkomst aan de gang was, waarschijnlijk in een huis ‘staande bij deze gebuurte’. Hij ging er met 4 politie-mannen dadelijk naar toe. Het wàs zo.
Van Velzen stond in het bewuste huis voor 37 personen te spreken, ‘waarvan de meesten in andere grietenijen en zelfs in Leeuwarden woonachtig waren’.18 Wantrouwig veronderstelt de grietman in zijn verslag, dat deze vreemdelingen om de ‘zaak te misleiden des nachts moeten zijn aangekomen’. Aan het bevel te zwijgen, voldeed Van Velzen; maar de vergadering zelf weigerde beslist uiteen te gaan. Vooral ouderling Pieter O. de Jong was op dit punt de woordvoerder.
‘Ik had dus,’ schrijft de grietman, ‘om mijn doel te bereiken geweld moeten gebruiken,’ maar hij vond dit op dat moment niet raadzaam. In de eerste plaats was ‘het vertrek zeer klein en geheel opgevuld met menschen,’ zodat er gemakkelijk ‘ongelukken’ hadden kunnen gebeuren, als de agenten bij verder verzet van hun wapens gebruik hadden moeten maken.
In de tweede plaats was hij bang de orde buiten het huis niet te kunnen handhaven, daar de ‘volksmenigte’ geleidelijk aangroeide. En bij vorige gelegenheden was al gebleken, dat deze in Wolvega ‘niet zeer gunstig voor de Separatisten en hunne aanhangers gestemd was’. Dit klopt, we hebben er al een illustratie van gegeven. De grietman verliet dus de woning en riep haastig een korporaal en 8 schutters ‘van den 1 Ban’ op, voorzag hen van geweren en begaf zich nu met deze ‘gewapende magt’ opnieuw naar de plaats van de bijeenkomst.
De schutters posteerde hij buiten het huis om daar de orde te bewaren. Zèlf ging hij met de politie-agenten weer naar binnen, waar de vergadering nog voltallig aanwezig was. Daar herhaalde hij het bevel: weggaan!
Hoewel het machtsvertoon toch wel indruk op de bezoekers had gemaakt en sommigen vrijwillig het huis verlieten, ‘werd evenwel bij velen nog eene onwil en groote traagheid aan den dag gelegd, zelfs zoodanig dat men dezen met geweld ten deure heeft moeten uitzetten.’
De notulen vertellen er nog bij, dat, toen de grietman het bevel had gegeven weg te gaan, Van Velzen hem nog vroeg ‘of hij dan nog eerst een gebed kon doen’. Hierop had de grietman geantwoord: ‘Dan moet zulks zeer kort zijn.’
Waren de aanwezigen dus met harde hand de deur uitgezet (‘met stooten en slaan’), in zijn brief aan de Officier van justitie constateert de grietman: ‘Geen der vergaderden is evenwel op straat door daden beledigd, terwijl Van Velzen geleid door de politie-bedienden en omgeven door eene groote menigte volk tot aan het huis van P.O. de Jong onder een gedurig geschreeuw en overladen met schimp- en smaadwoorden, waartegen men niets heeft kunnen doen, is gebragt.’
‘s Middags om 2 uur is Van Velzen weer uit Wolvega vertrokken, ‘den weg naar het Heerenveen inslaande.’
De Kerstdagen ’36 zijn voor de Afgescheiden gemeente te Wolvega dus wel zeer roerig en emotioneel verlopen. Ook op de andere vergaderplaatsen van de uitgestrekte gemeente was het niet altijd rustig. Daarom moeten we ons verhaal vol rumoer, geschreeuw en glasgekletter nog even vervolgen.
We beginnen met Heerenveen. Vooraf nog deze vermelding: Op 7 december ’36 was er een kerkeraadsvergadering geweest in Tjalleberd bij diaken P. Lok aan huis. Daarin was besloten, dat ouderling H.J. Wind van Rottum elke donderdag overdag in Tjalleberd zou catechiseren en daar ‘s avonds een oefening houden, terwijl diaken Ysbrand Jans Veenstra op de woensdagavonden in Heerenveen bij de weduwe Velzel zou voorgaan.
Zo was Veenstra op woensdag 25 januari 1837 naar de woning van Jacob Velzel gestapt om daar ‘een woord te spreken tot stigting en vermaning der gemeente’. Nauwelijks was hij daarmee begonnen of daar kwam Jan van der Sluis, assessor van de grietenij Schoterland met enkele politieagenten binnenvallen ‘met oogmerk om de vergadering uiteen te drijven’.
[Jan van der Sluis * It Hearrenfean ~ dêr 3-7-1784 † dêr 25-7-1862, 78 jier; assessor=wethâlder fan Skoaterlân; learloaier en houthannel op ’t Fean (hûsnr 203); x Frederica van de Moer; sn fan Geert Andries en Jantje Jelles]
Maar er waren minder dan 20 personen aanwezig. Zowel één van de agenten als Y. Veenstra zelf wezen de assessor hierop. Deze wilde echter niet naar rede luisteren en gaf de politie-mannen ‘de strengste order’ de vergadering uit elkaar te jagen.
Sommige bezoekers vluchtten bij de buurvrouw, de wed. M. Prins, naar binnen. Het was een huis van twee woningen onder één dak. Hoewel buurvrouw te kennen gaf deze mensen te ontvangen, gaf de assessor aan zijn mannen toch bevel: ‘Haal ze er maar uit.’ En zo ‘moesten onze broeders met eenige vrienden voor de tweede maal het vertrek verlaten door middel van geweld’.
Dat de assessor J. van der Sluis hier zijn boekje was te buiten gegaan, heeft hij zelf later ingezien. Want toen ouderling Pieter O. de Jong een aanklacht tegen hem indiende, heeft ‘deze alle middelen aangewend om door geld de zaak af te koopen,’ aldus de notulen.
De Jong en Veenstra waren echter niet op geldelijk voordeel uit. Ze ontvingen om te beginnen een verklaring op zegel, die als volgt luidde:
Ondergetekende J. van der Sluis, assessor van Schoterland verklare bij dezen (dat) de Godsdienstige vergadering, gehouden ten huize van Jacob Velzel, kuiper op het Heerenveen den 25 Jan. 1837 niet ontwettig was en dat alzoo de uiteendrijving dier vergadering door mij ondergetekende ten onregte is geschied en aan een misverstand moet worden toegeschreven.
Heerenveen, den 20 januarij 1837.
w.g. J. van der Sluis.’
En de 75 gulden aan de Procureur te Heerenveen, Mr. Gerard de Waal, door Van der Sluis uitbetaald om de zaak af te kopen en door deze ter hand gesteld aan Pieter Ottes de Jong en Ysbrand Jans Veenstra, om aan laatstgenoemde en aan Jacob Velzel en de wed. M. Prins te worden uitgekeerd, zijn hun op kwitantie teruggegeven.
De broeders wilden dit geld niet houden – aldus de notulen – omdat ze geen tijdelijk voordeel zochten, de assessor berouw toonde en ‘zij het alzoo haren pligt agten… hem dan ook alzoo te vergeven volgens de les van onzen Zaligmaker hetwelk wij lezen bij Math. 18: 21 en 22, Marcus 11: 25, Lucas 17: 4 en volgens de les van de Apostel Paulus zooals wij lezen bij Col. 3: 13’.
& Piter Ottes de Jong foarroppene ta it ‘Rjocht’
Piter Ottes moat foarkomme by de Arrondissemintsrjochtbank te Snits op 14-10-1841 omdat er yn syn hûs godtsjinstoefening hâlden hat, mar hy wurdt frijsprutsen.
gedaagden binne:
Sietse Los oud 38 jaren, Leeraar bij de Afgescheidenen, geborente Workum, wonende te Workum, en
Pieter Ottes de Jong, oud 41 jaren, rog- en pelmolenaar, geboren te Hemelum, wonende te Woudsend.
Beschuldiging van het houden eener vergadering van meer dan 20 personen, behorende tot eene gevestiigde vereeniging met oogmerk om zich over onderwerpen van Godsdienst bezig te houden zonder toestemming der [?] Regering, en zulks onder leiding van den 1e beklaagde en ten huize van de 2e gepleegd den 3 Aug. 1841.De mannebroeders wurde frijsprutsen:
De uitspraak van het vonnis is bepaald op den 14 Oct. a.k.
Bij vonnis van den 14 October 1841 vrijgesprokenm van de tegen hen ingebragte beschuldigingen.
Piter is op ’e nij gedaagde by de Arrondissemintrjochtbank te Snits op 24-2-1848. De oanklacht is dat er it berop fan taper=skinker fan sterke drank, útoefenet en dêr hat er gjin fergunning foar. Mar de saak wurdt rojeard:
Overtreding van Artikel 37 der Wet van 21-5-1819 (Staatsblad N34) doordien hij in het dienstjaar 1846/47 bepaaldelijk ook nog tijdens de opneming welke nog [?] gemelde daartoe gemachtigde beambte opo den 27 November 1846 van zijn patent ten zijnen huize kwamen doen en tijdens de opneming gevolgde bekeuring heeft uitgeoefend, nevens het bedrijf van een broodverkoper en tapper zonder van laatst gemelde tweede bedrijf aangifte te hebben gedaan.
Bij vonnis van 24 Febr. 1848 is deze zaak geroyeerd.
& Piter Ottes de Jong, ûndernimmer yn it stoflike – eigner fan Het Lam
Piter Ottes de Jong keapet op 10-5-1824 fan Jan Douwes van Slooten te Wolvegea in fearskip fan Wolvegea op Ljouwert foar f 2.800,00;
op 1-8-1825 keapet er in hûs, grûn en tún te Wolvegea (nr 124) foar f 825,00;
op 13-10-1829 keapet er te Wolvegea it beurtskip De Goede Hoop foar f 3.050,00.
Hy ferkeapet op 26-3-1833 in hûs, skuorre, frij stee en tún te Wolvegea foar f 2.600,00;
As er ferfarre sil nei Wesein ferkeapet er op 21-10-1840 te Wolvegea fee, meubels, winkelguod ensa foar f 622,00;
op 10-6-1840 – hy wennet dan krekt te Wesein – keapet er fan syn achterneef Michiel Ages Tromp te Wâldsein dêr de rogge-, weet-, pel- en mostermole Het Lam foar f 3.440,00;
op 22-9-1840 ferkeapet er te Wolvegea in hûs mei skuorre – dy’t tsjinst ta tsjerke tsjinst die tink – en grûn en tún foar f 390,00;
hy ferkeapet op 10-10-1840 oan Hendrik Lenos op ’t Fean in kof- of fearskip farrende fan It Hearrenfean op Ljouwert en De Jouwer mei gerjochtichheid fan fear en tabehearren; keapsom: f 2.075,00;
op 28-1-1842 ferkeapet er in hûs, hússtee en lân ûnder Wolvegea en Nijehooltwoolde foar f 3.324,00;
op 22-6-1844 keapet er in kofskip mei seilen en in pream te Wesein foar f 575,00;
op 20-1-1846 ferkeapet er in hûs en hiem, bleekfjild anneks tún te Wâldsein foar 2.600,00.
Hy keapet ek lân oan, lykas
>yn 1830 in perseel te Wolvegea foar f 2.111,00,
>yn 1831 parten fan 7 perselen yn Nijelamer; totale keapsom: f 2.510,00;
>yn 1836 5 hektare hagen en petten ûnder Wolvegea foar 250,00;
>op 2-11-1839 keapet er in part út in sate en lân te Ter Idsert; totale keapsom: f 21.249,00;
>yn 1840 keapet er parten fan 5 perselen te Nijeholtwoolde; f 750,00.
Piter Ottes is te Wâldsein as skuldeasker gauris de bank foar oaren, dat kin oprinne oan f 1.000,00 ta; op 5-4-1844 hat er sels in skuld fan f 3.000,00 by skoanheit Michiel Haayes Zoethout te Wâldsein.

18 Freerk Gerbens de Boer (yn trou-akte neamd: Freerik) * Toppenhuzen 11-9-1798 ~ dêr 23-9-1798 † dêr 28-3-1858, 59 jier; NH; slachter te Toppenhuzen;
x Wymbritseradiel 23-4-1831, 32 en 23 jier
19 Hittje Jans van Dijk (ek: Hiltje, Hite) * Ysbrechtum 27-3-1808 ~ dêr 17-4-1808 † Toppenhuzen 16-9-1877, 69 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Ysbrechtum; dêrnei slachterske te Toppenhuzen; yn 1860 dêr sûnder berop
20 Jacob Arends Bloemberg * Sniksweach 10-10-1805 ~ De Jouwer 3-11-1805 † dêr 10-11-1882, hûsnr 200, 77 jier; NH; by trouwen arbeider op ’e Jouwer, wennet yn ’t skip (WK 202a); dêr letter turfskipper; by ferstjerren dêr sûnder berop
x Haskerlân 4-5-1834, 28 en 26 jier
21 Jeltje Meines Woudstra * De Jouwer 8-8-1807 ~ dêr 23-8-1807 † dêr 23-7-1879, yn in wenskip, 71 jier; NH; by trouwen en ferstjerren sûnder berop op ’e Jouwer
22 Jan Cornelis Vos * 1-11-1795 † Middelsum 5-2-1854;
x ’t Zandt 27-4-1822
23 Cornelske Hendriks Riepma * Zeerijp, Loppersum, 10-4-1799 † Middelstum 6-2-1843
24 Gerrit Thæs Woudstra * Mildam 31-3-1824 † Aldskoat 14-2-1889, 64 jier; NH, letter KG; yn 1845 slachtersfeint te Aldskoat, by syn heit tink; yn 1860, ’66 ‘vleeschhouwer’ te Wolvegea; yn 1862, ’65, ’76, ’78 slachter, keapman en winkelman te Aldskoat (13,11, 4), dêr wennet ûnder oaren by him yn syn soan Thæ en skoandochter Jantsje van Ek mei har bern , Jantsje letter ek as widdo; yn 1881 keapman te Wolvegea; by ferstjerren sûnder berop te Aldskoat;
x Skoaterlân 25-12-1845, 21 en 22 jier
25 Aukje Sjoerds Duinaar Pietersma (ek: Duinnaar, Duivenaar) * Balk 22-2-1823 (yn ’e achterkeamer by har mem oan ’e Harichsterdyk nr 29) † Ljouwert 31-7-1870, 47 jier; KO, yn 1857 NH; by trouwen sûnder berop te Aldskoat, wenjend te Balk; ferhuzet op 12-11-1857 út Bolswert nei Ljouwert, wennet dêr yn as tsjinstfaam en húshâldster yn by Rienk de Vries, skipstimmerman (L 255 N, C 244) ,
Gerrit is Nederlâns Herfoarmd, wylst Aukje lid wurdt fan ’e Kristlik Ofskieden Tsjerke, allyksa har bern en muoikesizzers dy’t by de húshâlding yn wenje. Mar yn 1857 is Aukje wer NH.
Gerrit wurdt letter KG.
& Dûbele namme, dûbele moraal?
– Aukje Sjoerds Duinaar Pietersma en har twadderlei bern
Aukje Sjoerds Duinaar Pietersma wennet sûnt 12-11-1857 yn Ljouwert as tsjinstfaam en húshâldster yn by Rienk de Vries, skipstimmerman te Ljouwert (* Ljouwert 22-9-1831; sn fan Jacob Alberts de Vries, skipstimmerfeint te Ljouwert, en Jeltje Tjebbes Hartkamp.
Aukje wennet sa’t liket acht jier by Rienk yn, mar yn ’e berte-akte fan Jan wurdt steld: ‘zich tijdelijk alhier [=Ljouwert] ophoudende’.
Aukje krijt te Ljouwert twa bern:
-Jacobus Walstra * Ljouwert 9-2-1860 † dêr 21-1-1866, 5 jier; by berte en stjerren fan Jacobus wurdt meld dat er yn Ljouwert geboaren en stoarn is, mar yn Wolvegea wennet.
-Jan Woustra * Ljouwert 23-6-1865.
Gerrit wurdt beide kearen as heit neamd; by Jacobus as: Gerrit Tædes Walstra, by Jan as Gerrit Woustra.
Beide jonges wurde by de geboarte troch Rienk de Vries oanjûn.
Gerrit ûntkend dat er de heit fan Jan is. Sjoch de kanttekening yn ’e akte hjirûnder.
Aukje en Gerrit skiede net.
Jan Woustra wennet letter by Rienk te Ljouwert yn (L 185 C, Súdfliet, Poppebuert T2), ek as Rienk troud is mei Tietje Jans Andringa (RK). Jan stiet net alinne registreard as Jan Woustra, mar ek as Jan Pietersma Woustra, en letter as Jan de Vries (Jan is NH, letter RK, de tsjerke fan syn styfmem).

In het jaar EEN DUIZEND ACHT HONDERD VIJF EN ZESTIG, den zesentwintgste dag der maand Juny zijn voor ons ondergeteekende AMBTENAAR VAN DEN BURGERLIJKEN STAND der gemeente LEEUWARDEN, Provincie Friesland, verschenen:
Rienk de Vries, oud drie en dertig jaren, Scheepstimmerman, woonachtig alhier, welke ons heeft verklaard, dat alhier, ten zijnen huize, op den drie en twintigsten dezer, des avonds te zes uur, geboren is een Kind van het mannelijk geslacht, uit Aukje Sjoerds Duinaar Pietersma, zonder beroep, woonachtig te Oudeschoot, zich tijdelijk alhier ophoudende en gehuwd met Gerrit Taedes Woustra, koopman en vleeschhouwer, woonachtig te Oudeschoot, aan dit Kind de voornaam gevende van Jan. Deze verklaring is gedaan in tegenwoordigheid van Romke Kappers, oud zes en dertig jaren, en Tjibbe de Vries, oud twee en veertig jaren, scheepstimmerlieden, beide alhier woonachtig. En hebben de aangever en getuigen den acte, na voorlezing nevens ons ondertekend.
Yn ’e kantline:
Bij vonnis der Arrondissements Regtbank te Heerenveen den 6 February 1867 behoorlijk op de expeditie geregistreerd is van waarde verklaard de door Gerrit Boschloo te Heerenveen en getuigen dat 21 April 1866, gedane ontkenning der wettigheid van het Kind, waarvan Aukje Sjoerds Duinaar Pietersma op den 23 Junij 1865 is bevallen en aan hetwelk den voornaam is gegeven van Jan welke aantekening alhier is gedaan op vertoon van bedoeld vonnis en uit kracht van den last daarin vermeld.
De Ambtenaar van den Burgerlijke Stand der Gemeente Leeuwarden vermeld
Dirk Zeper
26 Harmen Thomas van Ek * Zuudvene, ûnder Stienwikerwold, omstrings 1806 † Oldehooltwoolde 25-9-1878, hûsnr 6, 72 jier; KO; tsjerkeriedslid Kristlik Ofskieden Gemeente fan Mildam; feanbaas, ferfeaner en boer te Oldehooltwolde (yn 1858 dêr neamd ‘veenman’; yn 1837, ’43 wenjend te Stienwikerwold; yn 1851 te Oldeholtpea; by ferstjerren noch ferfeaner te Oldehooldwoolde;
(Wesseling side 304)
x Stienwikerwold 13-2-1832, en 27 jier
27 Martje Klazes Pees (yn stjerakte: Marrigje) * Bloksyl, Ambt Vollenhove, 1-1-1805 † Oldehooltwoolde 27-6-1879, 74 jier; by ferstjerren sûnder berop te Oldehooltwoolde
Harmen keapet gauris ûnreplik guod:
1853: twa perselen healân te Oldehooltwolde; keapsom: f 1.700,00; 1856: lân te Mildam; 1861: healân te Nijeholtpea, keapsom: f 2.000,00; 1863 in stik heidefjild mei tint te Aldeholtpea, keapsom: f 200,00; 1863: in hússtee te Wolvegea, keapsom: f 275,00; : klyngrûn te Beets, keapsom: f 5.270,00; 1866 en 1875: lân te Beetstersweach; 1870: in feart en brêge op ’e Gordyk; 1873: boppefean of klyn te Oerterp en Beetstersweach; keapsom: 1.400,00.
Harmen ferkeapet ek gauris gers- en jouwergewaaks, bygelyks yn 1841 te Wolvegea, keapsom f 1.341,00; 1854: healân te Nijelamer, keapsom: f 590,00; 1863: jouwer, boekweit en gers op ’t fjild; keapsom: 919,00; 1875: jouwer op stam te Oldehooltwolde, keapsom f 1.105,00; 1876 jouwer te Oldeholtwoolde en Ter Idsart, keapsom f 971,00; 1877: neigers en jouwer te Oldeholtwolde; keapsom: f 293,00
Margje keapet yn 1879 grûn of hússtee te Wolvegea; keapsom: f 400,00
28 Hendrik Jans Jonkman * Nijeholtpea 7-3-1873 † It Oranjewâld 17-3-1863, hûsnr 61, 80 jier; boer yn ’t Oranjewâld (hûsnr 61J); by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Aldskoat 17-6-1810
29 Dettje Jans de Jong (ek: Detje) * Follegea 17-9-1787 † Nijeskoat 11-8-1872, hûsnr 20, 84 jier; boerinne yn ’t Oranjewâld; Detsje ferfart Alde Maaie 1866 út Oranjewâld nei Aldskoat-Nijeskoat, wennet dêr yn by har soan Reitze-en-dy (hûsnr 20b)
Detsje stiet te boek mei de achternamme de Jong, ûnder oaren by de registraasjes yn ’e Befolkingsregisters en ’e trou-akte fan har soan Reitze, se kin dan net skriuwe: ‘die verklaard heeft niet te kunnen schrijven als zulks nimmer geleerd hebbende’
Reitze Johannes Jonkman nrs 64 en 65
30 Johannes Linzes van der Tuin * Aldskoat 29-4-1801 † Nijeskoat 24-1-1866, hûsnr 1, 64 jier; NH; by trouwen en yn 1826, ’28 arbeider te Aldskoat (hûsnr 15); sûnt omstrings 1830 boer te Nijeskoat; yn 1833, ’34 dêr winkelman (hûsnr 1); yn 1835 dêr komelker; yn 1842 dêr wer boer (hûsnr 1), oant syn ferstjerren;
x Skoaterlân 13-5-1821, 20 en 23 jier
31 Loltje Wytzes Bosga * De Knipe 14-2-1798 † Nijeskoat 25-3-1861; NH; by trouwen faam te Aldskoat; docht op 7-5-1823 belidenis te Aldskoat
Loltsje ferkeapet op 29-9-1827 in stik lân te Langsweagen oan har sweager Jan Egberts Oppersma, húsman dêr, man fan Loltsje har suster Arjaantje; keapsom: f 200,00
Sjoch: Reitze Johannes Jonkman nrs 66 en 67; Loltje
32 Otte Jans de Jong * Himmelum 24-6-1767 ~ dêr 5-7-1767 † Balk 30-8-1850, 83 jier; yn 1814 skipper te Balk, yn 1817, ’23 dêr keapman; yn 1820 dêr neamd as nôtkeapman; by ferstjerren dêr rintenier
Otte Jans keapet yn 1818 in hûs en bakkerij te Warkum foar f 500,00
x Himmelum 11-12-1791
33 Hijlk Willems Jongsma (ek: Hielk, Hylkje) ~ Koudum 7-5-1769 † Balk 12-6-1857, 88 jier; winkelfrou te Balk
Hylk ferkeapet op 18-7-1855 oan har skoansoan Jan de Vries te Balk, man fan Trijntje Ottes de Jong, in hûs mei hiem en tún te Balk; keapsom: f 1.900,00
Sjoch Genealogy Gerben Douwes: Jaarsma III-b
34 Michiel Haayes Soethout (ek: Zoethout) * Wâldsein 26-4-1767 † Ypekolsgea 24-2-1850, 82 jier; húsman te Ypkolsgea; Migyl en Knilliske wenje yn 1846 sûnder berop te Ysbrechtum; by ferstjerren dêr rintenier;
x 1 Wâldsein 24-5-1789 Ytje Piebes, beide fan Ypkolsgea;
x 2 Wâldsein 25-11-1792, 25 en 19 jier
35 Korneliske Sipkes de Boer (ek: Corneliske, Knieliske; tekenet sels: Korneliske Sipkes en K: Sipkes, sûnder tanamme) * De Jutryp 18-8-1773 ~ dêr 15-9-1773 † Ypekolsgea 19-7-1862, 88 jier; boerinne te Ypkolsgea; yn 1850, ’57 en by ferstjerren dêr rintenierske
Michiel Hayes nimt op 20-12-1811 foar himsels en syn seis bern de namme Zoethout oan, teminsten neffens de amtner fan ’e Boargelike Stân; Migyl tekenet sels folút: Michiel Hayes Soethout.
& Migyl Hayes Soethout syn besit yn 1832 te Ypkolsgea
Migyl Hayes besit te Ypkolsgea sa’n 336.000 m² (33,6 hekatare) oan greidelân, sa’n 2.500 m² oan reidlân, twa hôven, d.w.s. fruchtbeammen en -struken, twa huzen mei hiem en twa moles.
Hjir in steatsje fan syn eigendommen, neffens it Kadaster 1832 ynskriuwing, Minútplan Wâldsein A1, Seksje A, Lizzer 166:
Perseelnr. | Yn gebrûk as | Oerflakte m² | Klasse | Belesting |
45 | Greide | 57740 | 1/2 | |
545 | Reidlân | 1770 | 1 | |
546 | Greide | 59520 | 2/3 | |
569 | Greide | 2900 | 1 | |
570 | Hôf | 1270 | 1 | |
571 | Hûs en hiem | 620 | 1 | 36 |
572 | Greide | 1440 | 1 | |
573 | Wettermole mei hiem | 194 | 1 | |
574 | Greide | 3750 | 2 | |
575 | Greide | 9800 | 1 | |
576 | Greide | 13550 | 1 | |
577 | Greide | 33650 | 1/2 | |
578 | Greide | 20220 | 2 | |
580 | Greide | 17700 | 2 | |
601 | Greide | 22290 | 1/2 | |
602 | Greide | 3470 | 2 | |
604 | Greide | 4120 | 2 | |
631 | Reidlân | 270 | 2 | |
632 | Reidlân | 2150 | 2 | |
633 | Healân | 6270 | 2 | |
634 | Greide | 45080 | 3 | |
635 | Greide | 29080 | 2/3 | |
636 | Greide | 13500 | 2 | |
637 | Greide | 11030 | 2 | |
638 | Greide | 43130 | 1/2 | |
639 | Greide | 9530 | 1 | |
640 | Greide | 17980 | 1 | |
641 | Greide | 2160 | 3 | |
642 | Hôf | 1480 | 1 | |
643 | Hûs en hiem | 1170 | 1 | 54 |
644 | Greide | 3850 | 2 | |
645 | Bosk en greide | 340 | 2 | |
646 | Greide | 3530 | 2 | |
647 | Greide | 1740 | 2 | |
648 | Greide | 8610 | 1 | |
649 | Mole en hiem | 240 | 1 | |
650 | Greide | 230 | 3 | |
660 | Greide | 26540 | 1/2 | |
661 | Greide | 67490 | 2/3 | |
662 | Healân | 1960 | 1 | |
663 | Reidlân | 990 | 2 |
Migyl Hayes keapet op 24-9-1824 fan Willem Willems op ’e Jouwer twa pôlen greide oan ien stik te Ypkolsgea foar f 500,00;
Migyl is op 5-2-1844 keaper en útliener foar syn skoansoan Piter Ottes de Jong te Wâldsein foar f 1.565,00.
Migyl Hayes Soethout is wakker skuldeasker, in greep:
op 29-10-1816 fan Bauke Kornelis van der Veen, húsman te Twellegea; f 2.000,00;
op 21-1-1818 fan Klaas Anskes Fokkema, skipper te Heech; f 300,00;
op 9-2-1821 fan Kornelis Wopkes Beekema en Tjeerd Jentjes Beekema, beide keapman te Wâldsein; f 963,00;
op 29-5-1821 fan Bauke Kornelis van der Veen, man fan Ybeltje Eeuwes, húslju te Twellegea; f 500,00;
op 1-1-1822 fan Gerben Jans Aukes, man fan Popkjen Hylkes Tromp te Wâldsein; f 2.000,00
op 5-1-1822 fan Haye Hayes Zoethout, húsman, troud mei Bens/Bins Minnes Baye (achternamme neffens Memorie van Successie Snits 1847), ‘huismanske’ te Ypekolsgea; f 5.600,00;
op 5-1-1822 fan Gerben Jans Aukes, keapman te Wâldsein, troud mei Popkjen Hylkes Tromp; f 2.000,00;
op 15-4-1822 fan fan Klaas Anskes Fokkema, skipper te Heech; f 200,00;
op 20-10-1836 fan Rienk Pieters Piersma, man fan Trijntje Obbes Toutenburg te Ealahuzen; f 2.530,00;
op 5-2-1844 fan syn skoansoan Piter Ottes de Jong te Wâldsein; f 3.000,00;
Migyl stiet op 30-11-1844 boarch foar Sipke Attes de Boer te Yndyk; krediteur is Bauke Annes Visser te Heech; f 5.000,00;
Migyl hat op 31-5-1861 in skuld by Michiel Hylkes Tromp te Wâldsein fan f 3.000,00.
36 Gerben Doedes de Boer ~ Twellegea 18-10-1761 † dêr 10-9-1826, 64 jier; slachter te Toppenhuzen;
x Toppenhuzen-Twellegea 5-9-1790, hy fan Toppenhuzen, sy fan Twellegea
37 Trijntje Wybes Osinga ~ Twellegea 31-2-1762 † Toppenhuzen 18-9-1826, 64 jier; slachterske te Toppenhuzen; by ferstjerren dêr sûnder berop; by har trouwen kin Trytsje net skriuwe;
Germ Doedes nimt op 18-12-1811 te Wâldsein de namme De Boer oan foar himsels en syn fjouwer bern; hy is syn hele leven slachter, mooglik hat er de fan ûntliend oan syn heites berop
38 Jan Baukes van Dijk ~ Ysbrechtum 11-10-1767 † dêr 22-10-1839, nr 6, 71 jier; boer te Ysbrechtum; hy hiert yn 1827 en 1829 tsjerkelân te Drylts foar fjouwer jier foar f 463,00 yn ’t jier;
x
39 Sibbeltje Ekkes de Jager (yn Notarieel argyf Wymbritseradiel 1818 neamd: Knossen) * Ysbrechtum omstrings 1783 † dêr 25-9-1856, 73 jier; boerinne te Ysbrechtum oant har ferstjerren; Sibbeltsje kin by trouwen fan dochter Hite net skriuwe
Jan Baukes nimt op 28-12-1811 foar himsels en syn bern de namme Van Dijk oan; hy tekenet de akte mei: Jan Baukes, sûnder fan;
Jan keapet op2-11-1813 40 pûnsmiet te Easthim; Jan lient op 19-10-1813 f 1.260,00 fan Trijntje Feykes yn ’e Hommerts, widdo fan Gerben Pieters Landstra en op 22-2-1820 f 1.000,00 fan deselde
40 Arend Roelofs Bloemberg * Schermer, Grinslân, omstrings 1773 † 20-11-1856, hûsnr 14, 73 jier; NH; yn 1811, ’15, ’17 feanbaas te Sniksweach; yn 1830 dêr feanbaas en komelker; yn 1834 dêr neamd ‘old veenbaas’; sûnt dêr oant syn ferstjerren boer;
x Aldehaske 24-3-1977, hy fan Sint Jansgea, sy fan Aldehaske
41 Geertje Hendriks de Jong * Aldehaske 27-6-1776 ~ dêr 28-7-1776 † Sniksweach 5-3-1860, hûsnr 20, 83 jier; NH; oant har ferstjerren mei 83 jier boerinne te Sniksweach
Arend hiert yn 1815 foar twa jier njoggen pûnsmiet healân ûnder Broek; hiersom: f 50,00 yn ’t jier;
Arend keapet yn 1830 in fjirde part fan in graverij ûnder Eagmaryp en Sniksweach
42 Meine Broers Woudstra * It Oranjewâld ~ Aldskoat 18-11-1764 † De Jouwer 30-7-1822, hûsnr 73, 57 jier; NH; arbeider op ’e Jouwer;
x De Jouwer, 16-5-1802, beide fan ’e Jouwer
43 Ybeltje Harkes van den Berg * Mildam 10-5-1770 ~ dêr 10-6-1770 † De Jouwer 28-1-1842, hûsnr 166, 71 jier; NH; by ferstjerren sûnder berop op ’e Jouwer
Meine nimt 4-3-1812 op ’e Jouwer foar himsels en syn twa bern de namme Woudstra oan; hy tekenet de akte dan sels mei : Meine Woustra
44 Cornelis Jans Vos (ek: Knellijs) * ’t Zandt -11-1761 † dêr 19-3-1825, 63 jier
x
45 Antje Hendriks
46 Hendrik Pieters Riepma (ek: Rijpma) * Zeerijp, Loppersum, omstrings 1755 † dêr 20-3-1801
x Zeerijp 11-12-1785
47 Hindrikje Abrahams Matterstek ~ Uithuizermeeden 7-5-1758 † ’t Zandt, Loppersum, 24-11-1832, 74 jier; winkelfrou en keapmansfrou
48 Thee Jelles Woudstra * Mildam 27-3-1801 † Aldskoat 19-1-1891, 89 jier; NH; Thæ en Æbeltsje dogge op 10-5-1828 belidenis te Aldskoat; by trouwen en yn 1824, ’28 arbeider te Mildam (hûsnr 31); yn 1845, ’48, ’54 spekslachter/slachter te Aldskoat; yn 1863, ’65 dêr keapman (hûsnr 32); yn 1889 en by ferstjerren dêr sûnder berop;
x 2 Skoaterlân 17-4-1862, 61 en 30 jier, Reinske Roels Hospes (ek: Rinske) * Aldskoat 11-5-1829 † dêr 15-1-1872, 40 jier; by trouwen faam te Aldskoat, by ferstjerren dêr sûnder berop; Rinske kin by har trouwen net skriuwe; dr fan Roel Jans Hospes, arbeider te Aldskoat, en Hiltje Reitzes de Vries, yn 1862 sûnder berop te Aldskoat;
x 1 Skoaterlân 10-8-1823, 22 en 20 jier
49 Æbeltje Gerrits Bloemsma (ek: Abeltje, Ebeltje) * Nijehaske 5-6-1803 ~ dêr 26-6-1803 † Aldskoat 13-8-1855, hûsnr 25, 52 jier; NH; by trouwen naaister te Mildam, dêrnei slachterske te Aldskoat
50 N.N.
51 Jantjen Sibbles Pietersma * Balk 16-1-1801 ~ dêr 1-2-1801 † dêr 11-2-1861, hûsnr 142, 60 jier; by har trouwen sûnder berop te Ljouwert; yn 1829 by de berte fan har soan Jan faam te Balk, wennet dêr by har mem yn oan ’e Harichsterdyk 28; yn 1829 en by ferstjerren sûnder berop (nr 40);
x Ljouwert 20-5-1828, 27 en 39 jier
Sytze Arents Arents * Balk 16-3-1789 ~ dêr 29-3-1789 † dêr 24-1-1867, 73 jier; yn 1828, ’32, ’39, ’42 keapman te Balk (nr 40); yn 1844 dêr winkelman (hûsnr 63); yn 1849, ’55, ’61, (hûsnr 142) ’62 en by ferstjerren dêr sûnder berop; ; sn fan Arent Sytzes (postúm: Arents, Arends; ek: Aant), keapet yn 1811 in herberch te Balk, yn 1815 dêr keapman, yn 1824 dêr nôtkeapman, en Pietje Pieters Kramer (ek: Cramer);
Sytse x 1 Balk 16-7-1809 Kaatje Jacobs Borman (ek: Katie; en: Borneman) † 13-11-1827
52 Egbert Peters van Ek * Eesveen 1774 † Stienwikerwold 19-3-1826, 52 jier
x
53 Jantje Harms Mast * Stienwyk 30-4-1775 † Zuudvene 23-5-1837, 62 jier
54 Klaas Alberts Pees * Baarlo, Ambt Vollenhove, 13-5-1784 ~ Blokker, Noard-Hollân 16-5-1784 † Baarlo 8-1-1827, 42 jier
x
55 Jantje Hendriks Kok ~ Blankenham, Gemeente Stienwikerlân, Oerisel, 26-12-1784 † Oldehooltwoolde 15-12-1864
56. Jan Feddes * Mildam 1736
x
57 Ypkje Reitzes
Jonkman 128 en 129
58 Jan Romkes de Jong (ek: Kooiker, bygelyks yn ’e stjer-akte fan Hiltsje) * omstrings 1753 † Terbant 8-7-1811
x Jiskenhuzen 9-1-1780, beide fan Jiskenhuzen
59 Hiltje Remmelts Visser (patronym ek: Rimmelts) * Jiskenhuzen 6-3-1759 † Langwar 9-6-1842, hûsnr 79, 83 jier; by rerstjerren sûnder berop te Langwar
Jonkman 130 en 131
60 Linze Johannes van der Tuin * Finkegea 3-5-1770 † Aldskoat 18-12-1843; yn 1821 arbeider te Aldskoat;
x Aldskoat 27-4-1800
61 YKE Oepkes van der Schoot * De Knipe -7-1769 † Beneden Knipe 6-1-1857
Jonkman nrs 132 en 133
62 Wytse Jans Bosga; yn 1821 húsman yn ’e Knipe;
Wytse Jans nimt op 12-12-1811 de namme Bosga oan; hy tekenet sels wytse jans bosgaa
63 Janke Gaukes Peeting
Jonkman 134 en 135; Janke
64 Jan Ottes * Himmelum 8-3-1743 ~ dêr 10-3-1743 † Beerta 29-12-1812, 69 jier; skipper te Himmelum
Jan Ottes is twa dagen nei syn berte al doopt, dat is koartdei en kin tsjutte op in otterdokse ynslach by de âlden
x
65 Wypk Kornelis (twilling mei Otte) * Himmelum 13-3-1735 ~ dêr 27-3-1735 † Hylpen 27-7-1808, 73 jier; skipperske te Himmelum
66 Willem Gerbens
x
67 Trijntje Pitters
68 Haye Reinders Zoethout (ek: Nauta) * Wâldsein 22-11-1743 ~ dêr op belidenis 3-5-1765 † Ypkolsgea 1-5-1796, 54 jier; húsman te Ypkolsgea;
Haye x 2 Wâldsein 12-10-1783 Yed Jacobs de Jong * Wâldsein ~ dêr 13-6-1756 † Ypkolsgea 20-6-1807;
Yed x 1 Wâldsein 4-9-1774 Tjitte Ages Tromp * Wâldsein ~ dêr 17-5-1750 † dêr -8-1779; sn fan Age Hylkes Tromp en Janke Feitses Bakker
Hettinga III-C, side 92
Yed x 3 Warkum 15-5-1803, beide fan Warkum, Jaitze Gorrits van der Zee, widner fan 1 Sipkjen Gerrits Krijtenburg en 2 Richtje Jetske Douwes
Haye x 1 Wâldsein 15-1-1764
69 Haantzen Michiels Tromp (ek: Hantzen) ~ Wâldsein 18-2-1742 † dêr 1781
& Soethout – teken fan selswêzen?
De Soethouten yn ’e 19e en 18e iu skriuwe harsels meast Soethout, de amtners meitsje dêr Zoethout fan – wy sitte dan ek allang folop yn ’e Hollânse burokratise doktrine. Is dy S wat in teken fan selswêzen?

Trouwens oannimme? Migyl skriuwt him al earder Soethout, bygelyks neffens de Doopboeken fan Ypkolsgea by de berte fan syn bern
& It bliuwt yn ’e famylje: De Jong-Soethout-Tromp
Dat de Soethouten en Trompen oan inoar besibbe binne sille se witte litte. Haye en Hantsen toaie har dochter Wytske op mei de tanamme Tromp Soethout, se is troud mei hat sibbe Pieter Lolles Nauta, boer te Ypkolsgea.

It bliuwt yn ’e famylje: sa is Hantsen Hayes Soethout, dochter fan Haaye Haayes Soethout en Bins Minnes, boeren te Ypkolsgea, troud mei Jentje Michgels – sa’t er sels skriuwt -Tromp en har suster Durkjen Hayes Soethout mei Haye Michiels Soethout, soan fan Michiel Hayes en Korneliske Sipkes (34 en 35 yn dizze kertiersteat).
En sa is Jan Ottes de Jong troud mei Tite Migyls Tromp: Jan * Himmelum 15-1-1793 ~ dêr 3-2-1793 † Balk 18-11-1847, nrs 121, 153, 54 jier, keapman en skipper te Balk, x Gaasterlân 8-6-1817, 24 en 21 jier, Tiette Michiels Tromp (ek: Tite, Titte, Tjitske) * Ypkolsgea 31-10-1795 † Balk 20-5-1876, 80 jier; winkelfrou te Balk; yn 1859 en by ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Michiel Ages Tromp en Gerbrig Jentjes Huisman, húslju te Ypkolsgea.
Tite keapet op 10-5-1854 fan har soan Otte te Bakhuzen in kofskipke foar f 600,00;
se ferkeapet op 24-11-1855 oan har soan Migyl in kofskip foar f 2.400,00;
Oer famylje ferbannen De Jong-Soethout-Tromp letter mear.
70 Sipke Jans * Diken omstrings 1739 ~ Wâldsein 31-5-1764;
x Wâldsein 4-10-1772, hy fan Diken, sy fan Wâldsein
71 Akke Ruurds * Wâldsein omstrings 1748
72 Doede Gerbens de Boer * omstrings 1730; docht yn 1764 belidenis te Toppenhuzen; ferfart letter nei Wâldsein;
x Toppenhuzen 9-11-1760, beide fan Toppenhuzen
73 Freerkjen Adams (de Boer)
74 Wybe Sytses Osinga * Twellegea omstrings 1726 † dêr 25-9-1819, 93 jier; by ferstjerren rintenier te Twellegea
Wybe fiert de namme Osinga al foar de namme-oanniming yn 1811, bygelyks yn it Doopboek fan Twellegea yn 1765
x 2 Froukjen Kleises Osinga (yn stjerakte: Vrouwkjen) * Ychten omstrings 1749 † Twellegea 10-11-1826, 77 jier; by ferstjerren sûnder berop te Twellegea;
x 1 Twellegea omstrings 1757
Jeltje Atzes * Drylts omstrings 1738 † omstrings 1786
76 Bauke Jans van Dijk
x
77 Lysbeth Hiddes
78 Ekke Attes de Jager (patronym ek: Ates) ~ De Hommerts 26-12-1756 † De Jutryp 5-8-1842; skipper te Jutryp
Ekke nimt yn 1811 de namme De Jager oan;
x
79 Hittje Johans Cnossen * De Jutryp 1-2-1750 † 16-8-1826
Sjoch: Cnossen-Knossen, geschiedenis van een Fries familie – Familievereniging C(K)nossen, 1988, Cnossen XIIAD, side 205
80 Roelof Jans Bloemberg * Dwingeloo, Drinte, † Aldehaske 16-11-1820
x Aldehaske 26-2-1769, beide 24 jier
Geertje Hendriks Kuik * Kalenberg, Oerisel, omstring 1745 † Aldehaske 31-1-1822, 77 jier
82 Hendrik Geerts de Jong * omstrings 1745 † foar 1832
x Haskerhoarne 13-8-1775, hy fan ’e Gordyk, sy fan Aldehaske
83 Diuwke Jacobs van der Meer (yn stjerakte: Duike Jacobs Hettes) * 1-8-1754 ~ 11-8-1754 † Terbant 30-11-1832, 78 jier
84 Broer Meines † foar 20-9-1802;
x Nijeskoat 21-11-1756, beide fan Aldskoat
85 Jeltje Bartles † De Jouwer 10-2-1807; wurdt op 20-9-1802 as widdo mei attestaasje oerskreaun út de Herf. Gemeente Aldskoat-Nijeskoat-Mildam-Rottum-Katlik nei De Jouwer
Yn ’e stjerakte fan soan Meine (42) wurdt Broer mei patronym Sjieuwkes neamd, grif in fersin;
Jeltsje wurdt yn it Trouboek Aeltje neamd, sil allyksa in fersin wêze.
Neffens it Kwotisaasjekohier Haskerlân fan 1749 hat Jeltsje in húshâlding fan ien folwoeksene op ’e Jouwer; oanslach: £ 6:12:-, ‘kan qualijk kost winnen’
86 Harke Sieuwes van den Berg (yn stjerakte fan Ybeltsje: Sjoerds van den Berg)
x
87 Jacobjen Jans Brouwer
88 Jan Olcherts
x
89 Aaltje Heines
94 Abraham Conrads Matterstek * Grins 4-3-1725 † Uithuizermeeden 9-9-1774, 49 jier
x
95 Geertjen Willems
96 Jelle Lolkes Woudstra * Ketlik 24-9-1762 † Mildam 25-3-1852 ; omstrings 1815 boer op ’e Knipe; 1813, ’22, ’23 arbeider te Mildam; NH;
x
97 Janke Hendriks Kerkhof (yn 1815: Lankhof) * 1769 † dêr 22-4-1857
98 Gerrit Hendriks Bloemsma (yn 1804: Blomsma) * Nijehaske 4-6-1765 ~ dêr 26-6-1765 † foar 19-9-1804; grofsmid te Nijehaske;
x Nijehaske 31-5-1795
99 Yke Æbeles Bijlsma * It Hearrefean omstrings 1764 † Mildam 1-1-1847, hûsnr 26, 83 jier;
Janke x 2 Gerrit Thomas Steensma (yn Nedergerjocht 1804 mei de achternamme Smits); Mr grofsmid te Mildam
By de ynskriuwing yn it Nedergerjocht op 19-09-1804 wurde Gerrit en syn bern Blomsma neamd
102 Sibble Pieters Pietersma * 1767 † Balk 1-11-1810; arbeider te Balk;
x Balk 24-5-1795, beide fan Balk
103 Aukjen Jans Joustra (ek: Jouwstra, en sûnder fan) * 24-11-1772 † Balk 7-1-1849; yn 1822 wurkster te Balk, yn 1825, ’28 dêr turfmjitster (Harichsterdyk 28), yn 1836 dêr wurkfrou, yn 1839 dêr arbeidster; Aukje kin net skriuwe
108 Albert Hendriks Pees ~ Bloksyl, Oerisel, 22-12-1758 † dêr 30-4-1794;
x
109 Maartje Hendriks Smit * Bloksyl 4-3-1760 ~ dêr 23-1-1780 † Baarlo, Ambt Vollenhove, Oerisel, 12-1-1819, 58 jier
110 Hendrik Klazes Kok
x Blankenham, Gemeente Stienwikerlân, 1-2-1767
111 Geesje Jans van Genemuijden ~ Blankenham 25-10-1744
112 Fedde Doekeles * It Mar 1708 † Mildam 1774/5
1708 It Mar – 1774/5 Mildam
x omstrings 1733
113 Hendrikje Jans * Mildam 1710 † dêr 1785
Reitze Jonkman: Fedde Doekeles
116 Romke Baukes
x
117 Akke Jans
Jonkman 260 en 261
118 Remmelt Piers
x
119 Trijntje Pieters
Jonkman 262 en 263
122 Oepke Pieters
25-8-1736 Oranjewâld
x
123 Janke Bonnes ~1763
1738 – 28-2-1823 Aldskoat
Jonkman 266 en 267
128 Otto Jans * Himmelum 20-9-1708 † 4-8-1783
x Himmelum 15-12-1741, beide fan Himmelum
129 Tjaal Tittes (yn Nedergerjocht Gaasterlân 1739: neamd Tal) * Nijemardum omstrings 1720 † 1749; neamd as wees Nedergerjocht Gaasterlân 26-6-1739
130 Cornelis Roeloffs * Himmelum 26-12-1698 † dêr 1775, 76 jier; skoalmaster, doarpsrjochter en tsjerkfâd te Himmelum;
x
131 Grietje Minnes
136 Reynder Jelles Zoethout ~ Wâldsein 5-1-1716; Mr mêstmakker te Wâldsein; erft fan syn heit yn 1750 de houtseachmole De Jager te Wâldsein;
x Wâldsein 4-1-1739
137 Tziets Haayes Visser † Wâldsein 16-1-1786, 66 jier
Reinder Jelles neamt him yn 1735 Zoethout
138 Michiel Hylkes Tromp * Wâldsein ~ dêr 12-9-1706 † dêr 1768; skûtmakker, skipsboumaster en greidboer te Wâldsein;
x Wâldsein 11-1-1732, beide fan Wâldsein
139 Beeu Jelles Hollander ~ Wâldsein 26-8-1708
Hettinga VIII-F-4, side 74 en 79

Tekening fan Pieter Idses Portier
144 Gerben Jentjes * Sybrandabuorren ~ dêr 22-2-1685 † Toppenhuzen omstrings 1748
x Sybrandabuorren 12-9-1723
145 Beitske Doedes
146 Adam Johannes
x
147 Trijntje Freerks
148 Sijtse Joukes (Osinga) * Legemar omstrings 1692 ~ dêr 4-8-1692 † omstrings 1776
x Langwar 1-6-1722, hy fan Legemar, sy fan Langwar
149 Uilk Wijbes (Abbema) * De Hommerts 21-8-1692 † omstrings 1744
156 Ate Ekkes (postúm: De Jager; ek: Atte, yn Doopboek: Ate; yn Trouboek: Aate) ~ De Hommerts 20-11-1729 † dêr 18-2-1770; skipper yn ’e Hommerts
x De Hommerts 21-11-1756, beide fan ’e Hommerts
157 Bauk Engles * De Jutryp 17-1-1734 † omstrings 1772
158 Johan Siercks Cnossen ~ De Jutryp 23-10-1712 † De Hommerts-Jutryp 4-2-1776; sûnt 1738 boer op stim 4 te Jutryp; yn 1748 is er eigner fan ’e helte fan dy pleats fan 95 pûnsmeit; yn 1749 stiet er te boek as ‘een arm boer’; tsjerkfâd te Jutryp;
x
159 Sibbeltje Annes ~ De Jutryp 3-3-1717 † (koart) foar 1799
Cnossen XIA, side 148
166 Jacob Hettes
x 31-1-1751
167 Froukje Wilts
188 Conradus Matterstek * Eenrum omstrings 1689
x
189 Mettjen Pietersen
196 Hendrik Gerryts Blomsma (ek: Bloemsma) ~ Aldeboarn 3-6-1731; yn 1761 te Akkrum; yn 1762, ’65 Mr smid te Aldeboarn; yn 1778 te Mildam;
x 1 Aldehaske-Haskerhoarne 19-7-1761 Geertje Jacobs, hy fan Akkrum, sy fan Aldehaske;
x 2 Aldskoat 18-8-1765, hy fan Aldeboarn, sy fan Mildam,
197 Hiltje Bartels * Mildam -9-1740
Hindrik wurdt by syn trouwen yn 1761 en 1765 yn it Trouboek Blomsma neamd
204 Pytter Harings ~ Balk 4-3-1736
x
205 Geeske Sibbles Jager * Balk 13-1-1739 † dêr 24-5-1795 [] Harich
206 Jan Jans Algers
x
207 Jantien Hendriks Melkers
Cnossen side 121
216 Hendrik Alberts Pees * Bloksyl, Oerisel ~ dêr 25-1-1722 † dêr 6-2-1760;
x Bloksyl 28-12-1755
217 Antje Aalderts * omstrings 1728 ~ Bloksyl, Oerisel, 1-10-1756 † dêr 17-12-1796
Antje x 2 1764 Luitje Jans Visser ~ Bloksyl 3-6-1731
218 Hendrik Klaassens Smit † Blokker, Noard-Hollân, 29-9-1769;
x Bloksyl omstrings 1759
219 Lumpje Hendriks van Eeken ~ Bloksyl, Oerisel, 3-4-1729 † dêr 20-1-1766
224 Doekele Hylkes * It Mar 1675† dêr 1744
x 2 1724 Lamkje Einskes
x 1 omstrings 1708
225 Lol Feddes * 1680† foar 1724
Reitze Jonkman Fedde Doekeles
236 Jan Heerkes
x
237 Trijne Ottes
238 Titte Balsters * Himmelum 15-12-1688
x
239 Isjen Jotjes * Himmelum 13-12-1685
244 Pijter Sijgers ~ It Oranjewâld 1710 † dêr 1760; arbeider te Aldskoat
x
245 YKE Oepkes * omstrings 1710Sjoch: Jonkman nrs 532 en 533
246 Bonne Eyles † It Mar foar -2-1757
x
247 Reynsch Meynts
Jonkman nrs 534 en 535
258 Tiete Stoffels † foar 26-6-1739
x
259 Jets Bockis; te Nijemardum yn 1739 (Jets har broer Sybren is kurator oer har healweesbern: Tal, Stoffel en Bocke)
x 2 Jelle Sybrens te Nijemardum
260 Roelof Cornelius Oosterveldt * Tsjerkgaast
x
261 Aafke Ottes
262 Minne Ottes † Wikel 4-8-1711
x
263 Wypk Ages
272 Jelle Jurjens Nauta (sûnt 1732 Nauta) ~ Wâldsein 21-8-1672 ~ dêr op syn geboartedei † dêr 20-3-1750, 77 jier; skipper – NederLân, Lytse Oast, Denemarken – en grutskipper – de Sont oier – te Wâldsein oant 1718; sûnt 1719 dêr houtseachmûnder, Jelle en syn tredde frou Geartsje Durks binne eigners fan ’e mole De Jager, sjoch fierder hjirûnder; & Wolfarrende seeman en Houtzaagmolen De Jager; âlderling en tsjerkfâd;
x 1 Wâldsein 4-2-1694 Gats Jouckes * Wâldsein 1673 [?] ~ dêr 4-6-1676 † foar 7-1-1703; Jelle en Gats dogge belidenis te Wâldsein op 31-11-1695; dr fan Joucke Sytses, skipper en ûndertekener fan it Compact, en Gelck Wybes; 2 bern
x 2 Wâldsein 7-1-1703 Geertje Gerrits * Zwartsluis, buorskip Overstede, Oerisel, 1683 † 1712; docht op 4-2-1705 belidenis te Wâldsein; dr fan Gerrit Meinerts en Jantien Peters; 6 bern
x 3 Wâldsein ein1714/-1-1715
273 Geertje Dirks * omstrings 1690 † Wâldsein 13-3-1773, 83 jier; wurdt lidmaat te Wâldsein op 31-1-1715; 6 bern
Sjoch: Genealogy Jelle Dooitzes Nauta IV

Boarne: Houtzaagmolen De Jager
& Wolfarrende seeman Jelle Jurjens Nauta
– earste Wâldseinder skipper dy’t oer de Sont komt
Jelle Jurjens Nauta is yn 1713 de twadde Wâldseinder skipper – de earste is Doutse Simens – dy’t troch de Sont nei de Oastsee fart, dat is it begjin fan in hle float Wâldseinder skippen; yn 1710 is er warber yn ’e haven fan Harburg (Hamburch) en Amsterdam foar houttransport; yn 1713 is er de earste Wâldseinder skipper dy’t troch de Sont nei de Oastsee fart; hy komt yn dat jier mei in fracht oan yn Aalborg, Denemarken; dêrwei fart er mei in Deense lading fan 47 lêsten hearring nei Helsingør en betellet dêr tol om troch de Sont te silen nei Konigsbergen (Kaliningrad), oan ’e eastside fan ’e kust fan Prusen; op ’e weromreis hat er yn syn rom hør, Deens foar flaaks, syn befrachter is Marten Jensen út Linderup; werom yn Amsterdam docht er saken mei kargadoarskantoar Laasbye en Nieugaard. Neffens earste tsjarterparij moat er mei it smakskip De Propheet Daniël mei fracht nei Aarhus, nei it lossen fart er út De Belt, it Kattegat, mei 40 à 41 lêsten rogge nei Amsterdam. Yn 1714 sylt Jelle binnen tsien dagen fan Amsterdam oer de Sudersee, fia it Flie tusken Flylân en Skylge, de Noardsee, it Sagerrak, it Kattegat nei de Sont. Op 20 maaie fan dat jier besylt er op ’e nij de haven fan Helsingør om dêr tol te beteljen foar trochgong troch de Sont nei de Oastsee. Jelle syn lading omfiemet neffens de frachtbrieven wol fyftjin ferskillende hannelswaar, lykas katoen, siden stoffen, sûker, tabak, gember, speserijen, swevelsoer. Sawol foar it skip as de lading moat er tol betelje. Dizze twadde reis oer de Oastsee nei Konigsbergen krijt syn beslach binnen likernôch twa moannen. Op 18 jullie tekenet er in kontrakt mei de ferladers Slicher en Van Asperen te Amsterdam en fart er alwer út, no nei Noarwegen. Jelle fart yn 1715 mei it smakskip De Liefde mei ûnder oaren 21 lêstemn salt, 5.650 pûn tabak en 200 pûn figen út Amsterdam nei Landskrona yn Sweden, benoarden Malmö. De hinnefracht hat er hânsum lost, hy laadt in weromfracht foar Amsterdam en komt op 17 oktober wer troch de Sont, dat is in lange en swiere tocht, hy docht dêr seis wiken oer en yn Amsterdam docht bliken dat syn lading wetterskea oprûn hat. Yn 1716 fart er nei Flekkeroy, in houteilân yn súdlik Noarwegen foar de kust fan Kristiansand. Dêr rekket er fersyld yn ’e Nordse Oarloch en docht dêr ferslach fan yn de Opregte Haarlemsche Courant. Yn Nederlân is yn dy dagen tige ferlet fan hout, dat Jelle fart noch ien of twa kear nei Noarwegen. Hy bringt dêr hearring, sûker, sâlt, tabak, brandewyn en Rynwyn hinne en op ’e weromreis ferfiert er potjiske en alún. Syn lêste reis as grutskipper is yn 1717, nei Aalborg mei Frânsk sâlt. Hy fertrekt op 26 febrewaris mei De Propheet Daniël. Yn Aalborg hat er tsien dagen de tiid om te lossen en moat er sels in oare fracht regelje. Hy fart dêrwei mei 48 lêsten sâlte hearring nei Köningsberg en rekket dan út it sicht oant 4 novimber. Dan is er ûnderweis fan Kopenhagen nei Amsterdam mei lamsfellen fan ’e Færøer. Dat is de earste kear dat er sa lang fan hûs is, sawat sân moanne. Hy sil de Oastsee wol febard ha mei ferskillende frachten, mar dêr is helendal neat fan werom te finen yn ’e Sontregisters en it notarieel argyf fan Amsterdam, likemin yn it register fan galjoatsjild. It sil grif sa wêze dat er syn jongere broer Oebele mei oan board hie en dy de kneepkes fan it farrensfak learde, sadat Jelle nei 1717 as hannelder op ’e wâl selsstannich hannel driuwe kin yn ’e Oastsee mei Oebele as syn folleard grutskipper.
Jelle en syn sibben besitte ûnderskate kof- of smakskippen en freegje dêr by de notaris seebrieven foar oan, sadat se berjochtige binne om dêr de seeën mei te befarren; de skippen drage foar it grutste part Bibelse nammen en ek wol hele oare: Het Vrouwtje van Overspel, Het Fortuijn, De Propheet Moses, De Propheet Daniël, De Jonge Tobias, De Liefde, Salomons Eerste Gerecht, De Drie Koningen en De Koning Salomon; op 28-2-1715 ferkeapet Jelle dat lêste smakskip oan Cornelis Gerrits Rotgans te Amsterdam foar f 4.000,00.
Jelle keapet yn 1718 te Wâldsein de Kleasterlannen (Pastorijlannen) en bout dêr yn 1719 de houtmole De Jager by de Ie lâns; hy is tagelyk mêstmakker; hannelder yn houtwaar en eigner fan in skipswerf. Hy hat syn kofskip De Propheet Daniël oanhâlden en lit dêrmei troch setskippers hout út Noarwegen, de Eastseelannen of de Lytse East helje. Yn 1720 fergiet dat skip en mei lading, mar mei behâld fan minskelibbens.
Yn 1728 set er fyftin nije huzen foar syn arbeiders te Wâldsein en yn 1732 is er eigner fan ’e feartsjinst fan Wâldsein op Amsterdam; hy keapet in pleats te Ypkolsgea en te Teroele, beide ûnder Wâldsein oan ’e oare kant de Ie. By alles fungeart er ek as bank fan liening.
Hy wurdt neamd yn it Kwotisaasjekohier fan 1749 te Wâldsein as, ‘coopman, wel in staat’; trije folwoeksenen; oanslach: £ 54:-:-.
Yn 1732 toait Jelle Jurjens himsels – as notabele – mei de achternamme Nauta (=seeman).
Sjoch: Familie Zoethout – (Jelle syn soan Reinder neamt him Zoethout).
274 Haje Jans Visser * De Gaastmer omstrings 1690 † Wâldsein 19-1-1778
x Wâldsein 21-12-1710, hy fan ’e Gaastmer , sy fan Wâldsein
275 Jes Yppes * omstrings 1690 † Wâldsein 1737
276 Hylke Michiels Tromp ~ Wâldsein 4-7-1675 † Twellegea 1759; 1700-1740 Mr skipstimmerman te Wâldsein; hy en Wyts dogge belidenis te Wâldsein op 18-1-1700;
x 2 Wâldsein 13-7-1721, beide fan Wâldsein, Lysbeth Hanses * omstrings 1675 † Wâldsein 7-3-1737; widdo fan 1 Jurjen Willems te Wâldsein en fan 2 Pyter Ypes te Wâldsein;
x 3 Wâldsein 15-5-1738, beide fan Wâldsein, Neeltje Dirks * omstrings 1690 † Wâldsein 10-7-1742; kreamheinster; widdo fan Jelle Idses;
x 4 Wâldsein 24-2-1743 Rigtje Sytses ~ De Hommerts 12-8-1683 † nei 1743; widdo fan Tjamke Harings fan ’e Hommerts; dr fan Sytse Annes Abbema, ûntfanger, en Sieuwke Jans;
x 1 Wâldsein 22-8-1697, hy fan Wâldsein, sy fan Langwar
277 Wytske Tietes Hettinga * Langwar 1669 † Wâldsein tusken 1719 en 1721; wennet op ’e Hettinga Stins te Teroele, te Langwar en Wâldsein
Sjoch: Hettinga, Friese families – Hettinga Stichting – Barjesteh van Waalwijk van Doorn & Co’s Utgeversmaatschappij, Rotterdam en Gronsveld 2010 ISBN 978 90 5613 103 6; VIII-F, side 73 en 77
278 Jelle Cornelis Hollander * Wâldsein 29-9-1680 † dêr 12-2-1731, 50 jier; grutskipper te Wâldsein;
x
279 Hantzen Jurjens
288 Jentje Everts * Poppenwier 1658 † Sybrandabuorren 25-4-1739; oant omstrings 1692 boer ûnder Snits, dêrnei te Sybrandabuorren (stim 2)
x omstrings 1685
289 Elbrich Gerbens * Sybrandabuorren omstrings 1665
290 Doede Ydes (Rollema?)
x Gaiïngea Nijlân 22-9-1689
291 Mayke Botjes
296 Joucke Douwes (yn Trouboek: Jouke Louwes, sil in fersin wêze, want de soan hyt Douwe) * De Knipe omstrings 1665 † Wâldsein; Joucke en Sjoukjen litte dope: Elisabeth yn 1690 op ’t Fean, Sytse 1692 te Legemar, Douwe 1695 te Wâldsein en Jilduw yn 1696 op ’t Fean;
x It Hearrenfean 11-3-1688, hy fan ’e Knipe, sy fan ’t Fean
297 Sjoukjen Sytses (Osinga?) * It Hearrenfean omstrings 1665
? 298 Wybe Annes Abbema * De Hommert omstrings 1658 † dêr ferdronken 2-9-1693, 35 jier
x De Hommerts 1682
? 299 Ybel Lolckes
312 Ecke Attes; neamd yn Kwotisaasjekohier Wymbritseradiel 1749 as ‘arm schipper’: 3 folwoeksenen, 2 bern; oanslach: £ 28:-:-;
x De Jutryp-De Hommerts 19-9-1728, hy fan Langwar, sy fan Teroele
313 Fed Sierks
314 Engele Tytes * De Hommerts ~ dêr 28-1-1700; yn 1734 te Jutryp
x
315 Mary Abes
318 Sierck Johans Cnossen ~ De Hommerts 26-7-1689 † dêr -2-1771; húsman yn ’e Hommerts, yn 1758 dêr brûker en eigner fan ’e stimdragende pleats 28; yn 1727 dêr ûntfanger fan ’e belestings; docht 1711 belidenis yn ’e Hommerts; 1719-1724 dêr diaken, 1733-1744 dêr âlderling;
x
317 Jel Wybes ~ De Hommerts 15-8-1686
Cnossen XII, side 148
320 Anne Wybes
x
321 Hittje Douwes
392 Gerrit Hendricks Blomsma (ek: Bloemsma) * Aldeboarn omstring 1704 ~ dêr, as er trije jier is,10-4-1704; yn 1726, ’31 te Aldeboarn
x Aldeboarn 6-5-1723
393 Trijntje Jans; by trouwen fan Aldeboarn
Gerryt wurdt by syn trouwen yn 1723 yn it Trouboek Blomsma neamd, yn it Doopboek fan Aldeboarn yn 1726 en ’31 Bloemsma
410 Sibble Pieters; yn 1739 te Balk
x 2 Wolvegea 1711 Grietje Gerwerts
x 1
411 Trijntje Pieters Pieters
432 Albert Jacobs Pees * Blankenham, Gemeente Stienwikerlân, Oerisel, omstrings 1693 † omstrings 1770;
x
433 Petertje Hendriks Bloem * omstrings 1693 † Bloksyl 5-1-1765
438 Hendrik Jans van Eeken ~ Bloksyl 6-9-1696 † dêr foar 16-4-1746; yn 1744 ‘gemeenslid’ fan Bloksyl;
x 1 Bloksyl (ûndertrou 15-10-1719) 29-10-1719 Aafje van der Woert ;
x 2 Bloksyl (ûndertrou 25-7-1728) 8-8-1728
439 Lijsbeth Everts Loen * Baarlo ~ Bloksyl 30-5-1710 † nei 1751
?448 Hylke Doekles * omstrings 1645 † nei 1711; mooglik timmerman
x
449 NN
492 Eyle Bonnes
x
493 Jancke Tiebbes
494 Meynert N.N.
x
495 Sjoukje Feddes?
524 Otto Rintkers * Harich omstrings 1635 † dêr 1728, 93 jier
x
525 Gryt Minnes
544 Jurjen Reyners Nauta ~ Wâldsein 11-10-1650 † dêr omstrings 1721, om ende by 71 jier; skipper, fiskhanneler en houtkeapman te Wâldsein yn in hûs oan De Camp, letter farrensman op see; yn 1705 meidogger oan it ‘Compact’, in ûnderlinge seefersekering fan Wâldseinder skippers; om 1711 hinne jout er de brui oan it farren en docht er mei yn ’e skipswerf fan syn tredde frou Idske Ynses te Wâldsein; dêrneist is er greidboer; docht mei Beeuw belidenis te Wâldsein op 9-2-1673
x 2 Wâldsein 15-12-1693 Aefke Ayses, fan ’e Jouwer; yn earste houlik wennet se te Wâldsein; giet nei it ferstjerren fan har earste man werom nei De Jouwer;
x 1 Foppe Hanses, yn 1687 litte se in soan dope te Nijegea-Ealahuzen
x 3 Wâldsein 20-12-1709 Idske Ynses, fan ’e Jouwer; fan 1692-1696 eignerske fan de skipstimmerwerf (letter neamd Noorderwerf), nr 94, te Wâldsein, en sûnt 1709 mei har tredde man eigner fan skipstimmerwerf nr 103 te Wâldsein;
Idske x 1 24-7-1677 Hoyte Johannes † foar -1-1679, fan Wâldsein.
Idske x 2 1680 Reiner Tjeerds, Mr skipstimmerman te Wâldsein;
x 1 Wâldsein 1672
545 Beeuw Ubles (ek: Oebles) * Langsweagen 9-2-1653 ~ Wâldsein, op belidenis, 9-2-1673 † dêr 26-1-1693
550 Ype Melles; yn 1698 boer yn ’e Hommerts; dêr eigner fan 1/3 part fan stim 23 (brûker fan ’e hele pleats: Heere Sioerts)
x omstrings 1689
551 Tiets Syoerds
552 Michiel Ages Tromp * Wâldsein omstrings 1650 ~ dêr 29-1-1671 † dêr 28-4-1693;
x 1 Jaerd Jansdr
x 2 Wâldsein 29-1-1671
553 Ints Pabes (ek: Palses) * Wâldsein omstrings 1650 ~ dêr 11-2-1672
554 Tiete Waltes van Hettinga ~ Teroele 26-9-1619 † dêr 4-5-1680, 60 jier
x 1 Teroele 19-1-1645 syn nicht Lyckel Auckedr, dr fan Aucke Sythies en Ede Benedix van Hettinga
Sjoch: Hettinga VI-M 2, side 46
x 2 Teroele 17-8-1656
555=1106=1109 Tzyedts Jelles * Aldehaske 1625 † Boarnwert 1707
578 Gerben Sjoerds
x
579 Klaaske Jelles
? 596 Anne Wybes Abbema * Grou omstrings 1620 † De Hommerts 30-4-1684
x De Hommerts 2-5-1649
? 297 Richt Murcks Ecema * Drylts omstrings 1615 † nei 1648
? 598 Lolcke Engeles
x
? 599 Hid Seerps
628 Tytte Hotses; yn 1700 yn ’e Hommerts
632 Johan Siercks Cnossen † 30-8-1690; docht 8-8-1680 mei Lolck belidenis;
x 1 Lolck Rientsdr; fan Smellebrêge ;x 2 De Hommerts 7-10-1688
633 Trijntje Johannes ~ op belidenis De Hommerts 14-12-1688† dêr 24-12-1714 ;
Trijn x 2 Uite Harings ~ De Hommerts 9-7-1682
Cnossen XI, side 128
638 Wybe Ages
x
639 Jets Lolckes
784 Hendrik Jans Bloemsma; yn 1707 lit er te Aldeboarn twa bern dope, hy komt dan yn it Trouboek al foar mei de namme Bloemsma
864 Jacob Jans Pees; omstrings 1690 te Blankenham, Oerisel
866 Hendrik Jans Bloem, omstrings 1690 te Bloksyl, Oerisel
x
867 Aagt Hoegen
878 Evert Loen of Loenen ~ Baarlo, Oerisel, 29-9-1675 † Bloksyl foar 27-10-1730
x
879 Lumme Geerts † foar 30-5-1710
896 Jan van Eeken
x
897 Fempjen Hansen Burggraaf * Bloksyl ~ dêr 7-12-1673
1088 Reyner Jelles * Heech 1625 † Wâldsein 1661;
x Gaasterlân 1-5-1650
1089 Bauck Jurriens van Ingen * 1615 † 1664
1090 Uble Feddis
x
1091 Syts Minnerts
1100 Melle Upckes
x
1101 Haeck Ypedr
x 1 Cornelis Ysbrandts
1102 Sjoerd Heres; yn 1698 boer yn ’e Hommerts op stim 33 (hûs en hússtee, eigner: Sjuck Gerrolt Burmania); yn 1698 eigner fan stim 1 yn ’e Hommerts (brûker: Hendrick Lamberts) en foar 2/3 part eigener fan stim 14 dêr (brûker: Botte Dirx);
x Snits, tsjerklik, 15-9-1688; De Hommerts; Gerjocht Snits 7-10-1688, hy fan ’e Hommerts, sy fan Snits
1103 Trijntie Pyters Elgersma
1104 Agge Michiels
x Wâldsein 1640
1105 Jyd Minnes
1106 Pals Hylckes
x
1106=555 Tyedts Jelles
1109=1106=555 Tyedts Jelles
1108 Walte Benedictus van Hettinga * Teroele, Doanjewerstal, omstrings 1575 † dêr 26-3-1623 [] dêr; meirjochter fan Doanjewerstal; folmacht op ’e Lânsdei; tsjerkfâd;
Hettinga VI-L, side 42
x omstrings 1600
1109 Jildu Sytses (Wierda?) * omstrings 1580 † Teroele 9-9-1656 [] Teroele
1192 Wybbe Wabbes Abbema * Grou 1596 † Emden, East Fryslân, 1656
x Ljouwert 5-3-1617, beide fan Grou
1193 Goyck Sytses (ek: Goyts)
1264 Sierck Johans Cnossen; yn 1640 boer op stim 31 yn ’e Hommerts (hy hiert dy pleats fan Syds van Osinga, grytman fan Doajewerstal en krijt spul mei him by de opsizzing fan ’e hier), yn 1654 wurdt him hier fan lân opsein fan in pleats hierd fan Glinstra, dêr op ’e nij skeel); doarpsrjochter en ûntfanger fan ’e belestings yn ’e Hommerts;
x
1265 Antje Hanses; fan Smellebrêge, se is dêr yn 1640 mei har bruorren en susters eigner fan in pleats
Cnossen Xa, side 124
1756 Evert (van Loen) ~ Vollenhove 7-6-1635 † foar 12-2-1676
x Vollenhove 16-6-1662
1757 Aaltje Wouters
Aaltje x Bloksyl 12-2-1676 Jan Lubbertszn Veen
1794 Hans Daniëls Burggraaf * Bloksyl 1641 † dêr 2-7-1702, 61 jier, [] tsjerke Bloksyl, links fan ’e yngong 6-7-1702; tusken 1678 en 1701 boargemaster fan Bloksyl;
Grêfskrift: Ao 1689 de 2 Meert is in den Heere gerust Aeltien Pieters de huisvrou van Burgem. Hans Daniels Burghgraef en leit alhier begraven en op den 6 July 1702 Burgem. Hans Daniels Burghgraef en leit hier begraven. [in útkappe wapen] (grêfsark nr 49 Bloys van Treslong Prins 1925);
x 2 Bloksyl 20-11-11689 Femptjen Jacobs
x 1
1795 Aaltje Pieters (Meulenberch?) * Bloksyl 1645 † dêr 2-3-1689, 44 jier, [] tsjerke Bloksyl, links fan ’e yngong
2176 Jelle Reyners * Twellegea omstrings 1600 † dêr omstrings 1650; as heit fan Jelle wurdt yn guon genealogiën neamd: Reyner Eelckes, sn fan Eelcke Reyners. Undersyk dêrnei is noch noarich om dêroer fêste grûn ûnder de fuotten te krijen.
x Legemar 3-9-1623
2177 Hylck Piers Broersma
2178 Jurrien van Ingen (ek: Georg); boargemaster fan Kampen
x
2179 N.N.
2200 Upcke Jans
x Doanjewerstal 20-3-1652
2201 Trijn Melles
2208 Michiel Agges Tromp * Wâldsein 1585
x
2209 Ancke Aggedr
2216 Benedix Waltes van Hettinga * omstrings 1524 † 31-1-1580, deasketten?
Hettinga V-K, side 42
x
2217 N.N. Wybrens van Waltinga * omstrings 1530
2218 Sythie Auckes (Wierda?)
x
2219 Hyl Jans?
2384 Wybe Wabes Abbema * Grou 1556 † dêr 1647
x Grou omstrings 1590
? 2385 Sjoerdtke Haytses Birsema * Weidum omstrings 1575
2528 Johan Upckes toe Knossens † 27-10-1558 [] wierskynlik Martinytsjerke Bolswert, troch slitaazje is it opskrift net mear te lêzen; boer op Grut Knossens ûnder Bolswert, dat er mooglik ek bouwe lit; wennet wierskynlik letter te Bolswert; provoast fan ’e Bolswerter skutters; yn 1557 mei-folmacht foar de stêd Bolswertoer ûnderhâld fan ’e seediken;
x
2529 Egbertje Egbertsdr † 26-8-1570 [] Martinitsjerke Bolswert, grêfskrift: Anno 1570 den 26 augusti stierf den eerbaren Egbert Johan Knossens wijf
Cnossen IVe, siden 111 (foto oarkonde 7-6-1544 mei hantekening fan Jehan), 112 (grêfstien),
2546 Hans Idses
x
2547 Jesel Haitses
3512 Jochem Jans Loen; syn heit hyt Evert, mar Jochem fiert it patronym Jans
3588 Daniël Hansen Burggraaf * Bloksyl 1622 † dêr 1672, 50 jier, [] tsjerke, links fan ’e yngong; Grêfskrift: Ao 1672 den … is in den Heeregerust Daniel Hansen Burghgraaf. Ao 1679 den .. Meert desselfs huyvrou Fempie ….. en sijn beide alhier begraven. P.I.K. (Boarne: Nicholas van Eek – bylage Genealogie van Eek 2003 – grafzerk nr 50 Nederduits Hervormde Kerk Blokzijl – r Bloys van Treslong Prins 1925);
x Bloksyl 6-10-1639, hy is dan 17 jier,
3589 Fempie Sillebrants (Femmigie)
4352 Reyner Eelckes?
4354 Pier Ockes Broersma
x
4355 Siouck Annedr
4416 Agge Michiels
of Agge Tiaertz * Sleat 1548 † dêr foar 1619
x
4417 Bauck Foeckedr
x Sleat Bauck Aggedr
4418 Agge Lioeties
4432 Walte Benedix (van Hettinga) * omstrings 1490 † tusken 1559 en 1583; húsmannet te Teroel, dêr katein, haadling; beliener fan lân te Teroele, Sint Nyk en Tsjerkgaast;
Hettinga IV-H, side 40
x
4433 Dyeuwer * omstrings 1490, fan Wikel, bringt bringt Wyckeler sate yn (stim 24)
4434 Wybren Auckes (Waltinga); boer te Sniksweach; yn 1542 tsjerkfâd te Broek; yn 1544 grytman fan Haskerlân;
4435 Ede Edes (Regnaerda) * omstrings 1510
Ede x 2 Wurdum 1550 Doytse Bockes (Wiarda)
Sjoch: Mr Hein Walsweer – Famylje-oantekens – De kertieren fan Jancke Piers Seta Genealogysk Jierboek1989 nûmers 58-59>116-117 en 118-119>236>472
5056 Upka Johans toe Knossens; [] Martinytsjerke Bolswert, grêfskrift fersliten; boer op Grut Knossens ûnder Bolswert, lit dy sate mooglik bouwe; wurdt neamd yn 1543 yn ’e Benefisiaalboeken;
x N.N. [] Martinytsjerke Bolswert, grêfskrift fersliten
Cnossen IIIc siden 110, 112
7024 Evert Loen; fuorman
7176 Hans Daniëls de Burchgrave * 1603; yn 1623 ‘Pander aen Blocksijl’;
x 2 tastimming houlik 23-3-1623 te Vollenhove, Aeltyen Arents; ‘dogter van Dwinglo wonende bij d’sgolt’ (skout?); dr fan Arent Berents
x 1 1620, hy is dan 17 jier,
7177 Janntijen Dirrix
8704 Eelcke Reyners?
8864 Benedix Epes (Hettinga) * omstrings 1464 † 1496
Hettinga III-E, side 39
x
8865 Bernu * omstrings 1470 † nei 1528;
Bernu x 2 omstrings 1488 Seerp Piers † foar 1528; yn 1511 lâneigner te Abbegea
8888 Aucke in Waltinga
x
8889 Beintz
8890 Ede Auckes † tusken 1542/43 en 1552; yn 1530 tsjerkfâd te Tsjerkgaast;
x
8891 Idscke (Edes) † tusken 1552-1565
10.112 Johan Upkazn toe Knossens; yn 1495 boer op ‘Litike Knossens’; hy buorket achterút, want hat nochal wat skulden;
Cnossen side 108 IIb.
x
N.N.
14.352 Daniël de Burchgrave * Ieper, België, 1584 ~ Londen, Austin Friars, Hollânske Tsjerke, 20-1-1585 † Leiden 5-2-1624, 40 jier; syn heites húshâlding flechtet foar de hartoch fan Alva út Gend wei nei Ieper en dêrwei nei Londen; ynskreaun te Leiden ‘Album Studiosiorum’, theologus; lekkenkeaper te Leiden;
x Leiden, Pieterskerk, 10-1-1603
14.353 Anna Magdalena Oosterlincx
& Troudicht fan omke Daniel Heinsius op Daniël de Burchgrave en Anna Magdalena Oosterlincx
Daniel Heinsius, omke fan Daniël, makket ta gelegenheid fan har houlik in Troudicht (publiseard yn ’e Nederduytsche poemata 1616). Hensius is petebern fan Daniel de Burchgrave, 1580-84 prokureur-generaal fan ’e Ried fan Flaanderen
Troudicht Ter eeeren van Daniel de Bvrchgrave, met Anna Oosterlincks., Nederduytsche poemata 1616, Daniël Heinsius – DBNL
17.728 Epe Hettingha * omstrings 1420 † nei 1495; hearskip te Hommerts
Sjoch: Hettinga II-B, side 12
x omstrings 1450
17.729 Jel Hommes Hommema
17.780 Aucke Sippes; yn 1505 ealman te Teroele, mooglik dêr op Reinalda State
?20.354 Egbert Syurdts Buwama; ‘ghaeman’ yn Allingawier; lâneigner te Kimswert
20.224 Uupca Johannis to Knossens; wennet omstrings 1450 op Knossens, buorskip fan in pear pleatsen ûnder Bolswer; besegelet in oarkonde 5-6-1456;
x
20.225 mooglik Reynske Sickama; ek: Reynske Wopka widdo
Cnossen I siden 33 (terp Grut Knossens), 38 (argealogys ûndersyk Knossens), 56 (buorskip Knossens), 63 (bewenning Knossens), 77-82 (famyljewapen), 106
28.704 Lowys de Burchgrave
x
28.705 Claire van Crombrugghe
35.456 Teta in Hummertse (Hettingha) * omstrings 1390 † nei 1429; wennet omstrings 1422 op syn stins op ’e Hommerts; grytman fan Wymbritseradiel
x
35.457 Eteka * omstrings 1393 † nei 1495
35.458 Humme van Hummingha * Abbegea, Wymbritseardiel, omstrings 1370 † Dronryp 22-7-1450
x
35.459 Ymck Harings van Harinxma thoe Heeg * Heech omstrings 1370 † omstrings 1450
Humme van Hummingha (1370 – 1459) | |
Ook bekend als: | “Humme”, “Hamme” |
Datum van Geboorte | 1370 |
Plaats van geboorte: | Abbega, Wymbritseradiel, Friesland, Netherlands (Nederland) |
Overlijden: | 22 juli 1459 (88-89) Dronrijp, Menameradiel, Frater, Netherlands (Nederland) |
Naaste familie: | Man van Ymck Harings van Harinxma thoe Heech |
---|
35.560 Sipka Oega † foar 1511