Home » Famyljes » Dijkstra (Seisbierrum) » GENEALOGY Dijkstra (Seisbierrum)

GENEALOGY Dijkstra (Seisbierrum)

Dizze fragmint-Genealogy Dijkstra-Seisbierrum is opset y.f.m. it oanlizzen fan ’e Kolleksje Jukema-Nammensma dêr’t in foto-album yn opnommen is fan Ulbe Sydses Dijkstra en syn soan Gerben Ulbes Dijkstra en Noentje Klazes Okkinga en sibben.
It giet hjir benammen om hâldfêsten om har en har neisten hinne.

De widdo fan Ulbe Sydses Dykstra – Hinke Bakker – emigreart lykas har fiif bern nei Noard Amearika; twa fan ’e njoggen bern fan Gêrm en Noentsy stekke ek oer.

Undersyk: Erfgoed Fundaasje
Foto’s: Foto-album Dijkstra, Kolleksje Jukema-Nammensma

Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
KO= Kristlik Ofskieden/Christian Seperation
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RE = Remonstrants
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Wat is in stamrige?

STAMRIGE

I
Ulbe Sydses
(postúm: Dijkstra) * omstrings 1743 † Seisbierrum 4-3-1810, 67 jier; húsman ûnder Seisbierrum; docht dêr belidenis op 31-10-1802;
x Seisbierrum 14-11-1790, beide fan Seisbierrum, Janke Frederiks Luiking/Luken * Pitersbierrum omstrings 1760 † Seisbierrum 7-11-1827, 67 jier; boerinne ûnder Seisbierrum; by ferstjerren dêr winkelfrou; docht op 4-11-1804 dêr belidenis, wurdt dan yn lidmateregister neamd as Janke Fredriks Luiking, yn stjerakte: Luken; dr fan Frederik Hendriks Luken en Tjietske Simons Vashout
By ferstjerren fan Janke erft soan Syds it legitime poarsje.
Legaten binne der – neffens bestriden testamint – foar Janke har broer Hendrik Fredriks Luiking, hofker te Ljouwert en syn frou Geeske van der Werf, mei-inoar f 3.000,00, en liifdracht f 405,92; muoikesizzerkes Fredrik en Maaike Hendriks Luiking krije elk f 1.000,00; suster Marijke Frederiks Luiking en har man Albert Jelles f 1.000,00 en muoikesizzer Beitske Alberts Jelles f 500,00; muoikesizzers Aafke en Pieter Fransen elk f 500,00; Memories van successie, Frjentsjer, 7-11-1826
Bern:
1 Syds Ulbes Dijkstra, folget II

II
Syds Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 6-6-1793 ~ dêr 16-6-1793 † dêr 24-6-1843, hûsnr 104, 50 jier; by trouwen ‘voluit landbouwer’ te Seisbierrum, dêrnei dêr oant syn ferstjerren bouboer;
x Barradiel 27-5-1815, 21 en 25 jier, Sytske Jans Hofma * Seisbierrum 23-9-1789 ~ dêr 27-9-1789 † dêr 2-3-1856, hûsnr 118, 66 jier; by trouwen ‘voluit zonder beroep’ te Seisbierrum, dêrnei dêr bouboerinne; as widdo dêr rintenierske; wennet sûnt Alde Maaie 1852 yn by har soan Ulbe-en-dy; dr fan Jan Sjoerds Hofma en Aafke Rientses, húslju ûnder Seisbierrum
Sjoch: Kertiersteat fan Jelle en Jantsje Post nrs 166/167
-Syds en Sytske hiere op 9-2-1826 in sate en lân te Seisbierrum fan Jouwert Annes Jouwersma te Frjentsjer; notaris: Isaac Telting te Frjentsjer; Repertoire: 041034
-Se hiere op 25-5-1835 foar njoggen jier de sate nr 3 te Seisbierrum fan Isaac Telting te Frjentsjer; notaris: Andries Stinstra te Frjentsjer; hiersom: f 450,00 yn ’t jier; Repertoire: 040035
-Syds hat op 2-11-1831 in skuld fan f 1.000,00 by Frederik Jans Fontein te Harns; notaris: Pieter Hendrik van der Kraats te Harns; Repertoire: 050012
-Syds hat op 1-8-1833 in skuld fan f 1.000,00 by Jan Bakker te Frjentsjer; notaris Stinstra
-Syds hat op 19-3-1835 in skuld fan f 600,00 by deselde; selde notaris
-Syds hat op 27-5-1837 in skuld fan f 2.000,00 by Isaac Telting te Frjentsjer; selde notaris
-Sytske hat op 12-6-1844 in skuld fan f 9.000,00 by har soan Ulbe; selde notaris; Repertoire: 041035

Bern:
1 Janke Sydses Dijkstra
* Seisbierrum 10-5-1817 † dêr 28-5-1817, 18 dagen
2 Ulbes Sydses Dijkstra, folget III
3 Janke Sydses Dijkstra * Seisbierrum 17-6-1822 † dêr 22-11-1840, hûsnr 103, 18 jier; by ferstjerren sûnder berop te Seisbierrum;
4 Jan Sydses Dijkstra * Seisbierrum 6-5-1825 † dêr 29-5-1825, 22 dagen
5 Jan Sydses Dijkstra * Seisbierrum 13-12-1827 † dêr  26-2-1828, 11 wiken

III
Ulbe Sydses Dijkstra
* Seisbierrum 8-5-1819 † dêr 11-12-1884, 65 jier; bouboer ûnder Seisbierrum (141, 279); by ferstjerren sûnder berop te Seisbierrum;
x Barradiel 13-5-1843, 24 en 22 jier, Trijntje Gerbens Gerkema * Easterbierrum 11-6-1820 † Seisbierrum 18-9-1854, hûsnr 118, 34 jier; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum, dêrnei bouboerinne te Seisbierrum; dr fan Gerben Johannes Gerkema en Janke Olpherts Kiestra, breabakkers te Easterbierrum;
x 2 Barradiel 22-5-1856, 37 en 22 jier, Henke Thysses Bakker (ek: Hinke; by de berte ynskreaun as: Henke) * Seisbierrum 18-10-1833 † wierskynlik Noard Amearika; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, dêrnei dêr bouboerinne; emigreart yn july 1887 nei Noard Amearika; dr fan Thys Hendriks Bakker, omstrings 1823 bakker, yn 1833 nôtmûnder te Seisbierrum, sûnt omstrings 1836 oant syn ferstjerren dêr bouboer; en Maria Hermanus Out Joha
Sjoch: Kertiersteat Jelle en Jantsje Post nrs 44/45
Ulbe ferkeapet yn ’e mande mei syn soannen Gêrm te Seisbierrum en Jan te Michigan, oan Jan Franzes Veenstra te Doanjum, boulân ûnder Seisbierrum; keapsom: f 6.125,00; notaris: Allert Ottema te Ljouwert; Repertoire: 080061
Bern út it earste boask:
1 Janke Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 23-2-1844 † Skingen 11-2-1885, 40 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; sûnt Alde Maaie 1864 dêrwei oerskreaun nei Sweins, dêr bouboerinne (nr 27); sûnt Alde maaie 1882 te Skingen (4bûten, 5);
x Frjentsjerteradiel 2-6-1864, 23 en 20 jier, Gerlof Pieters Anema * Doanjum 11-8-1840 † Ljouwert 26-2-1914, 73 jier, [] Ljouwert, Ald Begraafplak; NH; by trouwen bouboer te Doanjum; sûnt Alde Maaie 1864 idem te Sweins (27, 11); sûnt sûnt Alde maaie 1882 te Skingen (4bûten, 5, 42); sûnt 24-5-1911 rintenier te Ljouwert (Elisabethstrjitte 42, Saailân F92-boppe, Sint Jabiksstrjitte L13-boppe, Spoarstrjitte U26-boppe); sn fan Pieter Seerps Anema en Saakje Gerlofs Heslinga, bouboeren te Doanjum;
Gerlf x 2 Menameradiel 31-3-1887, 46 en 26 jier, Reintje Reinders Bantema * Dronryp 28-2-1861 † Medemblik 9-1-1936, 74 jier; by trouwen sûnder berop te Dronryp; dr fan Reinder Rientses Bantema, yn 1855 gernier te Dronryp, yn 1858 en by syn ferstjerren yn 1860 mei 33 jier dêr arbeider, en Tjitske Dirks Goslenga (ek: Goslinga, Tsjitske tekenet sels by eigen trouwen Goslinga, by trouwen fan Reintsje: Goslenga)
-Reintsje is neamd nei har heit dy’t ferstoarn is op 10-11-1860
Gerlf keapet op 28-8-1880 fan Jan Annes Bruinsma te Ingelum en Hendrik Bottinga te Ljouwert, in sate te Skingen; keapsom: f 33.012,00; notaris: Johannes Scrinerius Potter van Loon te Dronryp;
Repertoire: 037098

2 Syds Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 26-4-1846 † Winaam 21-4-1900, 53 jier; NH; as jongfeint ’boerenleerling’ te Seisbierrum; letter oant syn ferstjerren dêr sûnder berop, wennet dêr omstrings 1880 op nr 281; wennet sûnt Alde Maaie 1895 yn by syn broer Gêrm-en-dy te Winaam (141, 160)
3 Gerben Ulbes Dijkstra, folget IV.1
4 Jan Ulbes Dijkstra, folget IV.2
Bern út it twadde houlik:
5 Sytske Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 14-2-1857 † wierskynlik Noard Amearika; NH; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, dêrnei boerinne, wurdt op 20-5-1876 út Seisbierrum oerskreaun nei Tsjummearum; ferhuzet dêrwei op 14-5-1877 nei Tsjom; sûnt 1-11-1880 te Miedum 11 nk, 146 nk; sûnt maaie 1884 te Achlum (57); emigreart dêrwei op 18-6-1889 mei man en acht bern nei Noard Amearika;
x Barradiel 23-3-1876, 19 en 21 jier, Albert Tækeles Swart * Tsjummearum 10-8-1857 † wierskynlik Noard Amearika; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum, dêrnei dêr boer en te Tsjom, Miedum, Achlum; Noard Amearika; sn fan Tækele Willems Swart en Pietje Gerbens Ourensma, bouboeren te Tsjummearum
6 Thijs Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 20-2-1859; emigreart 2-5-1888 nei Noard Amearika
7 Ulbe Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 21-8-1861; emigreart 2-5-1888 nei Noard Amearika
8 Dirk Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 15-1-1864; emigreart yn maaie 1889 nei Noard Amearika
9 Hendrik Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 16-7-1869; bakkersfeint, ferhuzet op 16-5-1887 út Seisbierrum by syn mem wei nei Arum; komt dêrwei op 28-5-1888 wer te Seisbierrum; emigreart dêrwei yn maaie 1889 nei Noard Amearika

Dit binne wierskynlik Ulbe Sydses Dijkstra en Hinke Thysses Bakker,
se steane sa op plak fan folchoarder yn in foto-album Dykstra.
It wurksum tiidrek fan ’e fotograaf strykt ek mei de tiid fan opname, Ulbe sil hjir sawat tsjin de sechstich jier wêze.
Fotograaf: I. H. Slaterus, Weard K 13, Ljouwert.
Idanus Slaterus arbeidet te Ljouwert fan 1868 oant 1909

IV
IV.1 Gerben Ulbes Dijkstra
* Seisbierrum 14-12-1849 † dêr 20-4-1929, 79 jier, [] Seisbierrum; NH; bouboer te Seisbierrum (hûsnrs 137, 274), sûnt Alde Maaie 1893 idem te Winaam (141, 160, op ’e pleats earder hierd troch Arjen Piers Blanksma); sûnt 7-5-1900 greidboer te Wiuwert; sûnt âlde Maaie 1901 wer bouboer te Winaam (144, 160, 190, 187), dêrnei idem te Easterbierrum 166 (op ’e pleats earder hierd troch Geert Watzes Brems en Neeltje Feddes Viersen, sjoch Genealogy Brems V.3);
x Barradiel 25-5-1876 Noentje Klazes Okkinga * Hjelbeam 6-10-1853 † Seisbierrum 4-5-1891, 37 jier, [] Seisbierrum; DG; wurdt 30-6-1877 en yn maaie 1879 út Hjelbeam oerskreaun nei Seisbierrum; dr fan Klaas Annes Okkinga en Dieuwke Gerbens Gerbens, bouboeren te Hjelbeam (35nk)
Bern:
1 Dieuwke Gerbens Dijkstra
* Seisbierrum 1-6-1877 † dêr 11-10-1934, 57 jier, [] Seisbierrum, yn it grêf fan har memmes omskot; NH; by ferstjerren help yn ’e húshâlding te Seisbierrum
2 Trijntje Gerbens Dijkstra
* Seisbierrum 30-1-1879 † dêr 28-12-1942, 63 jier; NH; by ferstjerren sûnder berop te Seisbierrum; NH
3 Klaas Gerbens Dijkstra
* Seisbierrum 6-2-1880 † dêr 12-3-1933, 53 jier; NH; gernier te Seisbierrum; NH
4 Baukje Gerbens Dijkstra * Seisbierrum 9-8-1881 † Wiuwert 20-5-1954, 72 jier, [] Britswert; NH; wurdt op 13-7-1904 út Winaam wei oerskreaun nei Wiuwert;
x Barradiel 28-5-1904, 27 en 22 jier, Folkert Wybes Wiersma * Wiuwert 8-6-1876 † Britswert 21-2-1934, 57 jier, [] Britswert; feekeapman, by syn trouwen te Britswert, wurdt op 13-7-1904 dêrwei oerskreaun nei Wiuwert (20a, 38); sûnt Alde Maaie 1911 feekeapman te Baard (14); by ferstjerren greidboer te Britswert
Sjoch, ek foar portretten: Genealogy Wiersma IX.2
5 Ulbe Gerbens Dijkstra * Seisbierrum 12-7-1883 † dêr 29-4-1950, 66 jier, [] Seisbierrum, yn it grêf fan syn heites omskot; NH; gernier te Seisbierrum
6 Sỹds Gerbens Dijkstra
(ek: Sieds, Sijds; by de geboarte ynskreaun as Sỹds, mei in tilde op ’e y, grif hjir as oantsjutting dat de útspraak Siis is, mei in lange ii) * Seisbierrum 28-2-1885; NH; by trouwen boer te Winaam; emigreart mei Antsy nei Noard Amearika;
x Barradiel 8-2-1913, 27 en 24 jier, Antje Johannes Kuiken * St.-Jabik 4-10-1888; NH; by trouwen sûnder berop te Pitersbierrum; emigreart mei Siis nei Noard Amearika; dr fan Johannes Cornelis Kuiken, fisker te St.-Jabik, sûnt 10-7-1901 slûswachter te Pitersbierrum (119, 121), sûnt 29-6-1926 te Harns (Suderhaven 54, dêr ‘rentetrekker’, en Ettje Johannes Tjepkema
7 Anne Gerbens Dijkstra
(Andrew Dykstra) * Seisbierrum 3-5-1886 † Bozeman, Gallatin, Montana, 28-11-1978, 96 jier, [] Hills Cemetery, Church Hill, Gallatin, Montana; NH; emigreart nei Manhattan, Gallatin, Montana, Nord Amearika;
x Manhattan, Gallatin, 3-5-1918 Grietje Nammens Sinnema (Grace) * Seisbierrum 25-12-1891 † Grand Rapids, Kent, Michigan 18-9-1960, 68 jier, [] Hills Cemetery, Church Hill, Gallatin, Montana; G; emigreart mei har âlden en bruorren en susters mei it stoomskip Potsdam út Rotterdam en komt oan op Ellis Islands 24-4-1913; dr fan Nammen Rinzes Sinnema, sûnt 7-8-1881 arbeider te Seisbierrum (281, 278, 254), yn 1887 idem te Almenum, yn 1888, ’90 idem te Pitersbierrum, sûnt 1-11-1900 wer te Seisbierrum (254, 64, 82), en Ytje Foekes van den Berg; G
8 Janke Gerbens Dijkstra * Seisbierrum 13-12-1887 † dêr 20-12-1957, 70 jier, [] Easterbierrum, by har mans omskot; NH;
x Barradiel 20-5-1915, 27 en 26 jier Ane Botes Jukema * Easterbierrum 31-5-1888 † dêr 16-1-1950, 61 jier, [] Easterbierrum, yn it grêf fan syn heit; NH; bouboer te Seisbierrum (356, 415); sûnt syn troudei bouboer oan ’e Slachtedyk op ’e Slachtepleats ûnder Easterbierrum (363, 356)
Ane wurdt op 16-12-1907 oanwiisd ta de militêre tsjinst.
Sjoch: Genealogy Jukema
IX.5
9 Jan Gerbens Dijkstra * Seisbierrum 26-9-1889 † dêr 4-11-1889, 1 moanne
Sûnt 20-4-1929 – nei har heites ferstjerren – wenje Dieuwke, Tryntsje, Klaas en Ulbe mei har fjouweren te Seisbierrum op nr 350, letter nr 357; Klaas en Ulbe gernierkje dêre.

Gerben Ulbes Dijkstra.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert, Nijstad 53; Snits, Klain Sand
Ulbe Gerbens Dijkstra.
Fotograaf: B. Bloksma, Seisbierrum
Dieuwke, Baukje, Trijntje en foaroan Janke Gerbens Dijkstra.
Fotograaf: N.N.
Grietje Nammens Sinnema
en Anne Gerbens Dijkstra.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert,
It Hearrenfean, Snits

IV.2 Jan Ulbes Dijkstra * Seisbierrum 30-9-1852 † wierskynlik Noard Amearika; NH; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; sûnt 28-5-1875 bouboer te Doanjum (nr 2 nk); sûnt Alde Maaie 1877 boer te Himpens; sûnt 25-5-1880 bouboer te Almenum op nr 159; emigreart dêrwei mei de húshâlding nei Noard Amearika; wennet yn 1883 Midway Michigan, yn 1886 te Medway Lacrosse, Wisconsin;
x Barradiel 20-5-1875, 22 en 20 jier, Jietske Rinzes Mulder (ek: Jitske) * Doanjum 27-2-1855 † wierskynlik Noard Amearika; by trouwen sûnder berop te Doanjum; dr fan Rinze Wiltjes Mulder en Grietje Dirks Molenaar, bouboeren te Doanjum (25)
Bern:
1 Ulbe Jans Dijkstra
* Doanjum 30-7-1876
2 Rinse Jans Dijkstra
* Himpens 14-11-1877
3 Grietje Jans Dijkstra * Himpens 11-12-1879
4 Sijds Jans Dijkstra * Almenum 3-3-1882