Home » Famyljes » Hanecroot/Hanekroot » Genealogy Hanecroot/Hanekroot

GENEALOGY NAMME

Grêfskriften yn ’e tsjerke fan Feinsum,
sjoch foar teksten hjirûnder
Boarne: Memorabilia uit Friesland van voor 1811

Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?

Dizze genealogy is opset by de skinking fan ’e tinkleppel foar Christina Hanekroot (III.3) troch Hanne Dingemans-Lettinga oan Erfgoed Fundaasje.
Dit is wurk yn útfiering. Oanfullingen binne tige wolkom.
En wa hat oangeande dizze minsken noch âld guod, lykas geboarteleppels, brieven, portretten? info@erfgoed-fundaasje.nl


Gerrit Jans [?]

I Melchior Gerrits Hanecroot * omstrings 1678 † Koarnjum 1-6-1751, 73 jier, [] tsjerke Koarnjum; NH; studint teology te Frjentsjer; docht dêr belidenis op 11-6-1697; hy en Kunne komme op 18-9-1707 mei attestaasje fan Ousterhaule yn te Koarnjum; dûmeny te Koarnjum; dêr brûker fan stim 5 = de pastory;
x Kunira Harmens Luiringa (ek: Cunira, Knierke, Kunneke; en Luringa) * omstrings 1684 † Ingelum 2-12-1752; NH; komt neffens Lidmateboek fan Ingelum mei attestaasje op 2-10-1752 út Koarnjum yn Ingelum, tagelyk mei har suster [?] ‘Juffr. Doetje Luiringa’ en har dochter Kristine; Doetje Harmens Luringa komt mei Harmen Harmens Luringa († 5-10-1731) op 25-10-1720 mei attestaasje fan Marrum yn Koarnjum:
Doet en Harmens sille wol ongetroude suster en broer fan Knier west hawwe, byinoar wenne yn ’e Koarnjumer pastory en dêrnei
Bern:
1 Gerardus Hanecroot, folget II.1

2 Harmanus Hanecroot ~ Koarnjum 23-12-1708
3 Harmanus Hanecroot ~ Koarnjum 27-9-1716
4 Christina Hanecroot ~ Koarnjum 19-11-1724 † Itens 7-5-1766 ’gesturven aan de kindersiekte’ skriuwt har man yn it Lidmateregister; NH; docht op 8-5-1746 belidenis te Koarnjum; komt neffens Lidmateboek op 2-10-1752 mei attestaasje út Koarnjum yn Ingelum, tagelyk mei har mem en har muoike [?] ‘Juffr Doetje Luiringa’; giet dêrwei op 8-12-1758 mei attestaasje nei Frjentsjer; giet dêrwei mei attestaasje op 2-6-1765 yn te Itens
x Ingelum 27-8-1758, sy fan Ingelum, hy fan Frjentsjer,
Theotardus Burenstins * Frjentsjer 1716 † wierskynlik Itens 12-5-1780; NH; lit him op 21-6-1732 ynskriuwe as teologys studint te Frjentsjer; docht op 21-6-1737 belidenis te Frjentsjer; op 26-6-1740: ‘Attestatie tot examen’ by de Klassis Frjentsjer, dêrnei kandidaat teology; -9-1742 lidmaat te Frjentsjer; giet op 19-6-1745 mei attestaasje nei Inkhuzen; by syn earste boask teologys kandidaat preseptor fan ’e Latynse Skoalle te Frjentsjer; by syn twadde boask ‘minister kandidaat’ en ‘preecepter ’ fan ’e Frânse skoalle te Frjentsjer; yn 1760 dêr allyksa preseptor; sûnt 1760 Nederlâns Herfoarmd dûmeny te Itens, oant syn ferstjerren yn 1780;
mooglik soan fan Hector Beints van Burenstins, froedsman en boargemaster te Frjentsjer, en Baukje Theodorus Arends. Sjoch Historisch Centrum Franeker: Burenstins
Theotardus x 1 Frjentsjer 26-10-1749, hy fan Frjentsjer, sy fan Tsjom,
Aaltie Lamberts Salverda
Theotardus wurdt ek wol Theodorus (by syn earste boask) en Tjeerd neamd; yn it Autorisaasjeboek fan Hinnaarderadiel Nedergerjocht fan 9-6-1780 stiet er te boek as Theotardus van Burenstins;
Hy skriuwt in Nederlânstalich fers achter de Disserlatio de Simsone apud exteros vix obvio et de favis a Simsone repertis (Frjentsjer 1738), troch Jacobus Sloterdyck ferdigene û.l.f. prof. Emo Lucius Vriemoet; sjoch: T.A. Romein, Naamlijst der predikanten van Friesland, Ljouwert 1886, 284.

Tsjerke Feinsum, grêfskriften:
>Ano 1757 den 2 octobr is in den heere gerust Cuniera Luiringa nagelatene weduwe van do Melchior Hanecroot oudt 73 iaren leidt alhier begraven
>Ao 1751 den 1 juny is in den heere gerust den eerwaarden godsaaligen en welgeleerden hr dony Melchior Hanechroot in leeven getrouw bedienaar des goddelyken woords alhier tot Cornium in den ouderdom van ruym 73 iaaren ende legdt alhier begraven

Lidmateregister Ingelum:
‘Kunira Luringa, Weduwe wijlen de Eerw: Heer M: Hanekroot in Leeven Bedienaar des Goddelijken Woords te Cornjum’, Doetje Luiringa en Kristine Hanekroot komme op 2-10-1752 mei attestaasje út Koarnjum yn Ingelum;
Kunne wurdt skreaun as Luringa en Doet as Luiringa: skriuwewize ferieart nei ’t de pinne stiet

II.1 Gerardus Hanecroot
* Koarnjum 31-8-1707 ~ dêr 4-9-1707 † Feinsum 4-4-1776, 68 jier; NH; docht op 19-8-1725 belidenis te Koarnjum; giet dêrwei op 13-12-1726 mei attestaasje nei Frjentsjer; komt dêrwei op 19-12-1728 as teologys kandidaat mei attestaasje te Koarnjum; giet dêrwei as dûmeny nei Feinsum; dûmeny te Feinsum-Hijum;
x 1 Feinsum 11-5-1732, hy fan Feinsum, sy fan Koarnjum
Aaltie Feijkes * Ljouwert 3-12-1712 ~ Jelsum 18-12-1712 † Feinsum 6-4-1776, 63 jier; NH; dr fan Feyke Johannes en Tjeerdje Arjens Faber
Graddus wurdt neamd yn Kwotisaasjekohier 1749, Ljouwerteradiel, Feinsum 1749: oanslach: £ 60:-:-; ‘wel in staat’.

Grêfskriften tsjerke Feinsum:
Anno 1776 den 4 april is overleden de wel eerw: en seer geleerde heer G: Hanecroot in leven v:d:m: tot Finckum en Hyum oud 68 jaren 31 weeken en 2 dagen nalatende twee dogters met namen Tjeertje en Christina Hanecroot beneffens vier kindskinderen en legt alhier begraven

Bern:
1 Tjeerdtie Hanekroot * Feinsum 17-2-1733
2 Cunira Hanekroot * Feinsum 17-7-1740 † dêr 4-4-1744
3 Cunira Hanekroot, folget III.1
4 Tjeerdtie Hanekroot folget III.2
5 Christina, folget III.3

III.1 Cuniera Hanekroot * Feinsum 26-6-1744 ~ dêr 17-7-1744 † dêr  6-5-1765, 20 jier, [] tsjerke Feinsum; NH;
x Feinsum 24-5-1761, beide fan Feinsum, (út dit houlik twa soannen)
Hessel Lolkes Hommema * Dronryp ~ dêr 29-3-1733 † Feinsum 14-5-1792; NH; bouboer ûnder Feinsum, dêr belestingûntfanger; sn fan Lolke Hessels Hommema en Akke Lolkes Fopma, bouboeren, yn 1733 ûnder Drnonryp, yn 1741 ûnder Feinsum;
Hessel x 2 Feinsum 10-11-1771 (út dit boask tsien bern)
Lysbeth Roelofs * Hijum 3-5-1748 ~ dêr 19-5-1748 † dêr 23-5-1828, 80 jier; dr fan Roelof Pyters en Neeltje Alberts, bouboeren op Hommema state ûnder Hijum; sjoch: Arjen Roelofs – Wikipedy
Grêfskrift Knier:
Ao 1765 den 6 may is overleden Cuniera Hanecroot in leven huisvrouw van H:L: Hommema ontvr te Finkum oud 20 iaaren en 41 weeken nalatende 2 sonen met namen Lolke en Gerardus en leit alhier begraven

III.2 Tjeerdtie Hanekroot ~ Feinsum 14-1-1748 † Stiens 20-9-1799, 51 jier, [] tsjerke Feinsum; NH;neffens Lidmateregister ynkommen út Feinsum yn Stiens op 30-8-1785 (wurdt dan Tjaltje neamd); bouboerinne ûnder Stiens;
x Feinsum 24-11-1771, sy fan Feinsum, hy fan Stiens,
Jan Sybes Sevenster (op grêfstien: Seevenster) * Makkum 1744 † Stiens 16-5-1813, hûsnr 162, 69 jier, [] tsjerke Feinsum; NH; húsman ûnder Stiens; sn fan Sybe Ymes Sevenster, yn 1741, ’44 kalkbaander te Kollum, en Grietje Jans Brolsma, bouboeren op Lauta state ûnder Wier en te Berltsum
Sjoch: Stamboom van de sibben Sevenster – Erfgoed Fundaasje

Grêfskrift tsjerke Feinsum:
Anno 1799 den 20 september is overleeden de eerbaare Tjeertje Haanekroot in leeven huisvrou van Jan Sybes Seevenster te Stiens oud 51 jaaren 9 maanden 3 daagen en leit alhier begraven

III.3 Christina Hanekroot * Feinsum 22-12-1752 ~ dêr 31-12-1752 † Stiens 10-8-1826, hûsnr 106, 73 jier; NH; bouboerinne ûnder Feinsum; neffens Lidmateregister op 20-5-1819 ynkommen te Stiens út Feinsum; Kristine keapet op 13-2-1818 in hûs te Stiens foar f 900,00;
x Feinsum 23-4-1775 (3e proklamaasje mei attestaasje nei Feinsum, Ferwert 16-4-1775), sy fan Feinsum, hy fan Ferwert,
Jan Jacobs Twijnstra * Feinsum omstrings 1750 † Feinsum 19-12-1817, hûsnr 12, 67 jier; NH; eigenerfd bouboer ûnder Feinsum; sn fan Jacob Jacobs (postúm: Twijnstra) x Stiens 28-3-1748 (hy fan Stiens, sy fan Ternaard) Grietje Jans, bouboeren te Feinsum
Foar omskriuwing fan ’e geboarteleppel fan Kristine en de erflitters, sjoch: Sulver alfabet – Erfgoed Fundaasje letter H

Bern:
1 Aaltje Jans Twijnstra
* Feinsum 1782 † Wier 7-8-1846, 64 jier; NH; bouboerinne te Feinsum; sûnt har earste boask idem op Sate De Ouwe Finne ûnder St.-Jabik; sûnt har twadde houlik dokterske te St.-Jabik;
x 1 Menaam 11-5-1806, (út dit boask sân bern)
Arjen Jans Osinga * Menaam (wierskynlik op Lyts Fellingwurd) 18-3-1778 ~ Menaam 26-4-1778 † St.-Jabik 25-7-1825, 47 jaar; NH; húsman op Sate De Ouwe Finne in ’e Súdhoek fan St.-Jabik (in 1816, ’25 huusnr 163), gemeenteraadslid fan ’t Bildt; lid skoalkommissy foor de West- en Oasthoek, diaken te St.-Jabik; sn fan Jan Arjens Osinga, belastingontfanger te Menaam (yn 182 nr 38), en Swopkje Jans Mollema, aigenerfd bouboeren op Klain Fellingwurd (stim 60) en aigners fan Groat Fellingwurd (stim 59) op Fierhuus te Menaam onder Beetgum;
Jan Arjens Osinga lait in 1843 út naam fan ’e lândaigners op ’t Oud Bildt te St.-Jabik de eerste steen fan ’e nije kerk te St.-Jabik, boumeester Thomas Romein
x 2 ’t Bildt 2-3-1829, 46 en 35 jaar,
Botto Wiglius Schultetus Ænee * Paramaribo 13-10-1793 † St.-Jabik 28-6-1856, huusnr 186, 62 jaar; NH; sjirurgyn te St.-Jabik (in 1826, ’28 huusnr 274), bij syn wegraken dêr ‘plattelands heelmeester’; sn fan Wiglius Bernardus Schultetus Ænee, medys doktor en froedmeester te Suriname en St.-Jabik, en Hendrica Hendrik-Pieters de Bije, in 1816 as wede ‘apothecarse’ te St.-Jabik, bij hur fersterven in 1850 met 88 jaar dêr werkfrou (huusnr 184);
Botte x 1 St.-Jabik 8-6-1815 (út dit huwlik fier kines) Maartje Gosses de Boer, 21 en 25 jaar, * St.-Jabik 16-9-1789 ~ dêr 3-1-1790 † dêr 23-8-1828, 38 jaar; by trouwen sonder beroep te St.-Jabik; dr fan Gosse Rienks (postúm: De Boer) en Grietje Pieters, bouboeren te St.-Jabik;
Botte x 3 ’t Bildt 16-1-1850, 56 en 21 jaar, Anna Pieters Schaaff (ok: Schaaf) * St.-Jabik 16-5-1828 † Luwt 13-7-1898, 70 jaar; NH; bij tweede huwlik sonder beroep te St.-Jabik; dr fan Pieter Jans Schaaff en Grietje Stenderts Buikstra, in 1864 kastlains te St.-Jabik;
Anne x 2 ’t Bildt 10-3-1864, 35 en 27 jaar, Gosse Hendrik Hendriks Eisma (bij de geboorte inskreven as: Gosse Hendrik; in akten meestal: Gosse Hendriks) * St.-Jabik 1-11-1837 † Luwt 1-6-1911, 73 jier; NH; bakkersfaint te Wânswert; sont Ouwe Maai 1862 idem te Beetgum bij Jacob Dirks Koopmans en Trijntje Jacobs Viersen; sont Ouwe Maai 1863 bakker te Dronryp (sont Ouwe Maai 1867 dêr op nr 119, sont 1 -12-1869 dêr op nr 119H, later 189); ferhúst dêrweg op Ouwe Maai 1877 na Luwt, dêr huusonderwizer in ’e Frânse taal en agint fan hypoteken (Grachtswal U3, Oasterkade B12 boven, Túnnen NS A15 boven, Rútterskertier G49, Nije Oasterstraat B2 boven), bij syn wegraken dêr sonder beroep; sn fan Hendrik Thomas Eisma, in 1837 kommys fan ’e Ryksbelastingen te St.-Jabik, in 1853 idem te Woudseand, en Trijntje Gosses Visser
Goasse ferkoopt op 9-12-1876 ’n bakkerij te Dronryp foor f 6.000,00; hij koopt te Luwt op 5-10-1903 ’n burgerhuus met hiem foor f 420,00

2 Jacob Jans Twijnstra * Feinsum 9-10-1784 † Feinsum 4-8-1849, 65 jier; NH; eigenerfd bouboer te Feinsum; assessor (=wethâlder) fan Ljouwerteradiel;
x Ljouwerteradiel 28-6-1821, 36 en 29 jier,
Rinske Tjeerds Faber * Britsum 13-7-1791 † Feinsum 21-4-1875, 83 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Feinsum, dêrnei dêr bouboerinne; dr fan Tjeerd Hanzes Faber en Trijntje Lykles (Lyklema, fan Lettinga state te Britsum), bouboeren te Feinsum * Feinsum 1784 † Feinsum 4-8-1849, 65 jier;

3 Grietje Jans Twijnstra * Feinsum omstrings 1790 † Feinsum 8-3-1815, 25 jier; NH; by trouwen sûnder berop by har âlden op ’e pleats ûnder Feinsum; dêrnei bouboerinne ûnder Feinsum;
x Mairie Stiens 11-6-1814, 23 en 20 jier, (út dit houlik in soan Jacob)
Doeke Jacobs Deinema * Hallum omstrings 1793 † Hallum 4-8-1860, hûsnr 18, 66 jier; NH, fan komôf DG; by syn earste boask boer by syn âlden op ’e pleats ûnder Feinsum; dêrnei dêr húsman/bouboer; by ferstjerren sûnder berop te Hallum; sn fan Jacob Doekes Deinema, yn 1814 gemeenteriedslid fan Stiens, en Grietje Simons Rollingswier, bouboeren ûnder Hallum en Feinsum, yn 1821 dêr rinteniers;
Doeke x 2 achternicht fan syn earste frou, Ljouwerteradiel 26-4-1821, 26 en en 28 jier, Cuniera Lolkes Hommema * Hijum 3-12-1792 ~ dêr 30-12-1792 † Feinsum 24-1-1823, 30 jier; NH; by houlik mei Doeke sûnder berop te Feinsum; dr fan Lolke Hessels Hommema (sn fan Cuniera Hanekroot), en Atje Pieters Bakker, bouboeren te Hijum en Feinsum;
Knier x 1 Mairie Stiens 3-2-1816, 23 en 25 jier, (út dit boask twa bern) Piebe Beerts Gelder * Alde Leie ûnder Hallum 9-9-1790 † Marrum 27-12-1818, 28 jier; NH; by trouwen horloazjemakker ynwenjend by syn âlden te Hallum; dêrnei horloazjemakker yn 1816 te Feinsum, yn 1818 idem te Marrum, yn 1819 idem te Feinsum (nr 28); sn fan Beert Johannes Gelder, horloazje- en klokkemakker te Hallum, en Atje Piebes Swart
Doeke x 3 Ljouwerteradiel 30-6-1825, 31 en 24 jier, (út dit boask fiif bern) Froukje Pieters Andringa * Wânswert 25-2-1801 ~ dêr 22-3-1801 † Feinsum 2-11-1852, 51 jier; NH; by trouwen sûnder berop ûnder Feinsum; dêrnei dêr bouboerinne; dr fan Pieter Harmens Andringa en Antje Rinderts Tolsma, húslju ûnder Feinsum
Sjoch: Andringa – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, Ype Brouwers e.o., Andringa Stichting, 2016, ISBN 978 90 803 389-0-6; side 295