Home » Famyljes » Jong, de (Wier) » Kertiersteat Simy Sevenster-de Jong

Kertiersteat Simy Sevenster-de Jong

KERTIERSTEAT SIMY SEVENSTER-DE JONG

Oanlieding ta it opstellen fan dizze kertiersteat is tredderlei:

1 De útjefte fan it iepenloftstpul Golf fan Onrust, fan Simy Sevenster.
Yn har iepenloftspul oer Broedertrouw fiert Simy Sevenster (nûmer 1 yn dizze kertiersteat) de arbeidersbeweging op.
By de útfiering begjin july 2022 yn ’e Westhoek ûnder St.-Jabik is lykwols de angel fan earmoed en drankbestriding út it stik helle.
De oarspronklike tekst is digitaal útkommen by Frysk en Frij op 8 augustus 2022. Sjoch: Golf fan Onrust. 

Oanlieding 2
De skinking fan in Kolleksje Sevenster-de Jong troch Simy Sevenster-de Jong en en har man Anton A. Sevenster op 10 augustus 2022 oan Erfgoed Fundaasje.
Dat argyf omfiemet foto’s en dokuminten op alderhanne gebiet, ûnder oaren:
– genealogyske hâldfêsten oangeande famyljes De Jong en Sevenster te Wier;
– in mobilisaasjeferslach fan Geale Jelles de Jong (nr 2 yn dizze kertiersteat).
Dat befettet fjouwer skoalskriften, fan mei-inoar 323 mei balpin beskreaune siden, ûnder de titel: Rinse’s mobelisaesjetiid. Forhael fen lok en lije út it soldatelibben. Wier, winter 1940-1941.
– skoalskrift mei as titel: Fiif en tweintich jier Fr. Fr. Foriening. Wier; dialogen foar toniel fan Gaele Jelles de Jong skreaun foar de Frijsinnige Frouljus Foriening te Wier, 12-11-1958; alfêst in priuwke: /…/Mar ’t giet yn ús foriening,/Net om wat is folbrocht./Wy hawwe dêr binammen/Fordjipping hiel faek socht./
– ferslaggen makke troch Simy Sevenster fan reizen fan it Ierdappelhannelshûs Hettema nei Israël, Italië (1981), Syrië en Jordanië (1985), Egypte (1987) en Tsjechië (1993); Anton en Simy Sevenster wienen ierdappeltelers en -kwekers foar Hettema, Anton wie foarsitter fan ’e Telersferiening;
– in tinkboek fan âld-learlingen fan haadmaster Tsjalling Jelles Bakker (1847-1929),
 te Wier yn houten omslach neffens Fryske folkskeunst foar en achter ienfâldich befike.
(Sjoch foar foarâlden Bakker: Kertiersteat Goasse Goasses Offringa; Tsjalling is in soan fan Jelle Sikkes Bakker, broer fan Dieuwke Sikkes Bakker, nr 21 yn dy kertiertsteat.)

Oanlieding 3
De argivearing fan dy Kolleksje Sevenster-de Jong troch Erfgoed Fundaasje.
De dokuminten wurde beskreaun, foar in part digitaliseard, beskikber makke foar ûndersyk, foar de takomst feilichsteld en neffens kontrakt foar waar en wyn bewarre by de Gemeente Waadhoeke yn klimaatbehearske kluzen.

Sa’n kertiersteat is by de beskriuwing fan de aryfstikken in gaadlik ramt om de oanbelangjende persoanen in plak te jaan.
Genealogyske hâldfêsten oangeande Sevenster binne te finen by: www.erfgoed-fundaasje.nl > Famyljes >> Sevenster (alles wurk yn útfiering)
>>> Genealogy Sevenster
>>> Collection Sevenster-de Jong.

Mannich bodders hjirûnder beneamd, hingje mei de honger yn ’e hals en har trochtinkend ferstân it anargisme oan, of se bekeare har ta it sosjalisme en wurde sadwaande fan Herfoarmd (NH) bûtentsjerklik (GK/GT).
Opfallend is dat yn ’e earste 32 kertieren (pakes en en beppes yn skema oant oer-oer-oer, de sechsde generaasje tebek) de foarâlden behoarlik âld wurde: fiif berikke de leeftyd fan ’e sterken – 70 jier – (nrs 6, 16, 21, 23 en 26) en trettjin dy fan ’e tige sterken – 80 – (nrs 2, 3, 7, 10, 12, 13, 14, 19, 24, 27, 30 en 31; 12 en 13 belibje de njoggentich). Dat is útsûnderlik yn ’e njoggentjinde iuw en dêrfoar. Alde arbeiders, nettsjinsteande wurkdagen fan moarns seis, fiif, betiden fjouwer oere oant jûns oer seizen, mei in mage-ynhâld fan neat tefolle, lit stean fan streksume fertarring.
Tiid foar harsels hâlde se amper oer; se ferhúzje ûnderwilens gâns (sjoch de rige fan ûnderkommens, gauris troch harsels bekreaze krotten, hjirûnder dêrta opskreaun).

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m. = wennet mei/living together
sk =skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
G = Grifformeard, in grutte útûndering yn dizze kertiersteat, nr
GK = Gyn Kerkgenoatskap
GT = Gjin Tsjerkegenoatskip
NH = Nederlâns Herfoarmd
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
De Bilts- en Frysktaligen wurde hjir fierhinne yn eigen tongslach beskreaun.
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?

Undersyk: Erfgoed Fundaasje
Sjoch: Simy Sevenster – Wier. Wier is it en Wier sil it bliuwe. Stichting Freone Terp en Tsjerke, Wier.

Dit is Wurk yn Utfiering – Ferbetteringen en oanfullingen graach nei:
info@erfgoed-fundaasje.nl


1 Sijmkje Gaeles de Jong
* Wier 15-12-1944; yn berte-akte ynskreaun as: Sijmkje; bou- en skiepboerinne op Lauta state te Wier; skriuwster, sjoch: Simy Sevenster
§ Simy har heit miende dat syn mem offisjeel te boek steld wie mei in lange ij, oars hie er Simy ynskriuwe litten as: Symkje.
De namme kin komme fan Gryksk Simon, yn ’e betsjutting fan in persoan mei in stompe noas; de oarsprong kin allyksa Germaansk wêze, mei de betsjutting fan: suver, en: Si-man = segeman.

x Menameradiel 28-4-1967 Anton Arjen Sevenster * Wier, Lauta state, 4-7-1940; bouboer en ierdappelkweker op Lauta state te Wier; sn fan Arjen Arjens Sevenster, bouboer en ierdappelkweker op Lauta state, en Eke Ramkema
Bern:
1 Arjen Anton Sevenster
* Wier, Lauta state, 12-9-1968
2 Geale Simon Sevenster
* Wier, Lauta state, 19-10-1972

2 Gaele Jelles de Jong * Wier 3-4-1910 † dêr 29-8-1996, 86 jier, [] Wier; arbeider by Sybe Sybes Sevenster en Renske Doedes Bouma op Lauta state ûnder Wier, letter gernier te Wier;
x Menameradiel 6-6-1935, 25 en 22 jier,
3 Janke de Vries * St.-Jabik 31-12-1912 † Grins, sikehûs, wenjend Nijlân State te Menaam, 12-2-1997, 84 jier, [] Wier

§ GEALE – GERNIER EN GEAMAN
Geale wol net ûnder in oar arbeidzje en begjint foar himsels as gernier; omdat de fjildfruchten net genôch opsmite sil er foar it ûnderhâld fan ’e húshâlding ek melke moatte, tsjin syn sin. Symkje en hy litte in stâl bouwe en ha neist gernierkerij allyksa komelkerij.
Geale is doarpsman yn hert en nieren, hy beweecht him yn alderhanne ferienings – en makket gâns gelegenheidsfersen en -toniel.
Dêrneist beskriuwt er yn fjouwer skoalskriften syn wjerfarren yn mobilisaasjetiid, ûnder de optochte namme Rinse.

4 Jelle Andries de Jong * Minnertsgea 8-1-1874 † Moaie Peal, ûnder Wier; by trouwen arbeider te Wier, dêr letter gernier (hûsnrs 34, 36);
x Menameradiel 10-5-1900, 26 en 25 jier,
5 Symkje Gaeles de Vries (yn geboarte-akte ynskreaun as Symkje, yn oare akten ek: Sijmkje) * Stiens 1-1-1875; by trouwen faam te Berltsum
Bern:
Andries * Wier 14-4-1901
Gaele, sjoch 2
Lolkje * Wier 15-1-1915

6 Gerrit Jippes de Vries * St. Jabik 18-10-1888 † Luwt, sikenhuus, weunend te St.-Jabik, 29-5-1967, 78 jaar, [] Wier; NH, later GK; erbaaier te St.-Jabik (nrs 49, 700); sont dink Ouwe Maai 1914 dêr foerman (nr 347); de húshouwing ferhúst op 11-10-1928 na Wier (nr 10), Gerryt staat dêr in 1935 te boek as boer;
x ’t Bildt 20-5-1909, baide 20 jaar,
7 Sjoukje Sytzes Jaarsma * St.-Anne 25-10-1888 † Belkum, bejaardetehuus, 29-2-1975, 86 jaar, [] Wier; NH., later GK; bij hur trouwen maid te St.-Anne

8 Andries Jelles de Jong * Wier 24-8-1834 † dêr 11-2-1891, 56 jier; NH; arbeider; de húshâlding ferfart 18-5-1864 út Wier nei Minnertsgea; komt Alde Maaie út Minnertsgea yn Wier (nr 22); ferhuzet Alde Maaie 1866 dêrwei wer nei Minnertsgea; sûnt 2-5-1879 yn St.-Jabik (nr 470); komt 7-4-1886 dêrwei op ’e nij yn Wier;
x Menameradiel 18-5-1864, beide 28 jier,
9 Geertje Sijbes Walstra * Marsum 1-10-1835 † Wier 28-4-1904, 68 jier; NH; oant Alde Maaie 1859 faam by Schelte Pieters Brouwers en Yfke Jans Dijkstra, slachters te Menaam, dêrnei faam te Minnertsgea; by trouwen sûnder berop te Wier; Geartsje kin net skriuwe; Geartsje wurdt as tolvejierrige op 11-12-1847 feroardiele ta ien moanne finzenisstraf foar dieverij, Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert, ynvintarisnr 83, aktenr 2407
Bern:
1 Grietje * Wier 3-2-1865
2 Aukje * Wier 19-4-1866
3 Cornelia * Minnertsgea 23-2-1869
4 Aafke * Minnertsgea 15-1-1871
5 Jelle, sjoch 4
6 Siepkje * Minnertsgea 31-1-1878

10 Gaele Tabes de Vries (yn akten fan ’e Boargerlike Stân meast: Geele; tekenet sels: Gaele) * Wyns 8-6-1847 † Stiens 4-12-1954, 87 jier; NH; ferhuzet op 16-5-1867 as skuonmakkersfeint út Wyns nei Froubuorren; ferfart dêrwei op 16-5-1868 nei Feinsum; yn 1870, ’75, ’76, ’78, ’80 skuonmakker te Stiens; yn 1882, ’88, ’91, 1900 dêr winkelman; yn 1893, ’94, ’98, 1900 dêr besteller; yn 1896, 1902 dêr keapman;
Geale x 2 Ljouwerteradiel 27-9-1879, 32 en 26 jier, Hitje van der Ley (ek: Van der Leij, y en ij wurdt trochinoar brûkt) * Froubuorren 23-4-1853 † Stiens 26-2-1887, hûsnr 125, 33 jier; by trouwen sûnder berop te Feinsum; dr fan Douwe Hettes van der Ley, yn 1853 skipper te Froubuorren, en Tetje Entes Zijlstra;
Hitsje x 1 It Bildt 9-10-1873, 20 en 22 jier, Johannes Pieters Hoekstra * Feinsum 18-12-1850 † dêr 28-12-1874, 24 jier; arbeider te Feinsum; by ferstjerren dêr sûnder berop, Jehannes sil dan wol siik west hawwe; sn fan Pieter Tietes (ek: Tjebbes) Hoekstra, yn 1850 arbeider te Feinsum, yn 1874 dêr deagraver fan berop, en Pietje Johannes Sipma;
Geale x 3 Ljouwerteradiel 31-5-1888, 40 en 25 jier, Klaaske Tjeerds de Jong * Wier 5-8-1862 † Stiens 2-5-1922, 59 jier; by trouwen sûnder berop te Stiens; dr fan Tjeerd Sipkes de Jong, arbeider te Wier (nr 4), en Janke Alles Walburg;
Geale x 1 Ljouwerteradiel 14-5-1870, 22 en 21 jier,
11 Lolkje Symens Westerhuis * Stiens 18-12-1848 † dêr 8-10-1878, 29 jier; NH; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Stiens

12 Jippe Gerrits de Vries * St.-Jabik 18-2-1863 † dêr 5-9-1953, 90 jaar; NH, later GK; erbaaier te St.-Jabik (nrs 8, 8b, 110,a, 125b, 173, 190a, 190, 206, 646, 345);
x ’t Bildt 20-5-1886, 23 en 18 jaar,
13 Gerritje Sjirks van Dijk * Wier 29-12-1867 † St.-Jabik 14-6-1958, 90 jaar; NH, later GK; Gerritsy ferhúst op 29-5-1886 út Wier na St.-Jabik; bij trouwen sonder beroep te Wier

14 Sijtze Annes Jaarsma * St.-Anne 1-7-1850 † dêr 11-9-1936, 86 jaar; NH; erbaaier te St.-Anne (nrs 110, 134b, 81g, 82f, 82a, 200a, 121d), weunt op syn ouwe dâg in ’t êrmhuus te St.-Anne;
x ’t Bildt 14-5-1874, 23 en 19 jaar,
15 Janke Klazes Andringa * St.-Jabik 28-7-1854 † St.-Anne 11-10-1905, 51 jaar; NH; bij trouwen sonder beroep te St.-Anne
Sien: Andringa 3 – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden; Andringa Stichting 2016 ISBN 987 90 803 389-0-6; pag. 389

16 Jelle Andries de Jong
* Wier17-12-1804 † dêr 22-8-1878, nr 56, 73 jier, [] Wier; arbeider te Wier (nr 20);
x Menameradiel 15-1-1834, 23 en 19 jier,
17 Aukje Kornelis Groeneveld * Wier 31-1-1807 † dêr 11-2-1874, nr 20, 67 jier, [] Wier; by trouwen faam te Wier; docht belidenis te Wier op 23-5-1841
Bern:
1 Andries, sjoch 8
2 Cornelis Jelles de Jong * Wier 5-6-1844
3 Dirk Jelles de Jong * Wier 30-11-1847

Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Jelle Andries de Jong en Aukje Kornelis Groeneveld.
Jelle hat in feardige hân fan skriuwen: dat hat er wolris faker dien

18 Sijbe Jacobs Walstra * Feanwâlden 15-3-1806 † Marsum 6-12-1869, nr 63, 64 jier; NH; arbeider te Marsum, wenjend mei de húshâlding yn it Earmhûs (nr 63);
x Menameradiel 16-9-1835, 29 en 24 jier,  
19 Grietje Ybeles van der Veer
* Deinum 20-3-1811 † Marsum 13-1-1895, 83 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Marsum; wennet as widdo yn by de húshâlding fan har skoandochter Sijke Hendriks Koopsma, ynlâns kreamerske te Marsum (nr 251 bûten), widdo fan Gryt har soan Jabik
Sybe en Gryt kinne net skriuwe

20 Tabe Gaeles de Vries * Wyns 25-5-1822 † Burgum 10-9-1887, 65 jier; NH; skipper, yn 1846 te Ryptsjerk; yn 1847 idem te Wyns, yn 1848 te Froubuorren, yn 1851 te Koarnjum, yn 1853 te Ljouwert, yn 1859 idem te Burgum; yn 1869 turfskipper, binnengaats te Wyns (nr 10, en wenjend yn it skip), ferfart op 4-5-1869 dêrwei nei Jelsum, is dêr yn 1870 komelker en yn 1880 fisker; komt op 4-4-1884 út Jelsum op ’e Burgumerheide, is dêr fisker; by ferstjerren sûnder berop te Burgum;
Tabe x 2 Ljouwerteradiel 12-6-1880, 58 en 60 jier, Ypkjen Sybes Veenstra * Burgum 20-9-1819 † Rugehuzen 6-11-1915, 96 jier; earst NH, letter G mei har earste man; by har boask mei Tabe sûnder berop te Jelsum en koartby te Burgum; ferhuzet op 3-8-1888 fan Burgumerheide nei Wâldsein; dr fan Sybe Oepkes Veenstra en Trijntje Eites Offringa (sjoch: Genealogy Offringa – VII.4.6);
Ypkjen x 1 Dantumadiel 25-3-1849, 29 en 23 jier, Jurjen Minnes Venema * Feanwâldsterwâl ûnder Hurdegaryp 28-11-1825 † Hurdegaryp 26-12-1872, 47 jier; G; by syn boaskjen skippersfeint te Feanwâlden, yn 1850 skipper te Burgum, by ferstjerren idem te Hurdegaryp; sn fan Minne Feijes Venema en Wopkje Jurjens Postma, yn 1849 skippers ûnder Feanwâlden, dêr letter komelkers;
Ypkjen x 2 Dantumadiel 25-10-1873, 54 en 38 jier, Wytze Sytses van der Meulen * Moarmwâld 15-10-1835 † Feanwâlden 12-2-1879, 43 jier; yn 1873 boer te Feanwâlden, by ferstjerren dêr gernier neamd; sn fan Sytse Harkes van der Meulen, tolman ûnder Moarmwâld, en Wytske Wybes van der Berg
Ypkjen x 4 Gaasterlân 5-4-1890, 70 en 61 jier, Sible Pieters Pietersma (ek: Sibbele) * Balk 11-6-1828 † Harich 4-2-1907, 78 jier; by earste boask arbeider te Balk, by syn twadde houlik arbeider te Harich (Wyk H nr 48); sn fan Pieter Sibbeles Pietersma en Teetske Tjeerds Postma, arbeiders te Balk (hûsnr 91);
Sible x 1 Gaasterlân 11-12-1850, 22 en 34 jier, Lysbeth Lubberts de Wilde * Wikel 16-1-1816 † Harich 26-3-1887, 70 jier; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Harich; dr fan Lubbert Willems de Wilde en Piertje Yckes Woudstra (yn berte-akte fan Lysbet: Woudsma), yn 1816 boeren te Wikel, letter arbeiders te Harich;
Tabe x 1 Tytsjerksteradiel 19-7-1846, 24 en 29 jier,
21 Tjitske Douwes Siegersma (ek: Sygersma, Sijgersma)* It Hearrenfean 9-12-1816 † Jelsum 9-5-1879, hûsnr 79, 62 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Froubuorren

22 Symen Symens Westerhuis
* Froubuorren 19-1-1800 ~ Stiens 4-1-1801 (neffens trou-en stjerakte is er geboaren te Froubuorren; hy is doopt te Stiens) † Stiens 5-3-1864, nr 51, 64 jier; NH; gernier te St.-Anne; gernier en boer te Stiens, by ferstjerren dêr gernier;
x Ljouwerteradiel 19-6-1828, 28 en 22 jier,
23 Sjoerdje Gaeles van der Wal * Feanwâlden omstrings 1807 (~ net fûn, wol fan har broers yn dy snuorje) † Stiens 28-1-1883, hûsnr 143, 76 jier; NH; nei de dea fan har man gernierske te Stiens, yn 1870 en by ferstjerren dêr sûnder berop

24 Gerrit Wopkes de Vries
* St.-Jabik 30-5-1832 † dêr 8-11-1920, 88 jaar; NH; erbaaier te St.-Jabik (nrs 286, 296, 35, 29a, 30, 13a)
x ’t Bildt 10-5-1860, 27 en 24 jaar,
25 Sybetje Jippes de Jong * St.-Anne 31-3-1836 † St.-Jabik 6-12-1904, 68 jaar; NH; bij trouwen maid te St.-Jabik

26 Sjirk Tjitzes van Dijk
* Ingelum 17-9-1826 † Wier 1-3-1903, 76 jier; arbeider te Wier (nrs 5, 10a, 16 bûten, 49); NH; by syn earste houlik kin Sjirk noch net skriuwe, by syn twadde wol;
Sjirk x 1 Menameradiel 31-5-1854, 26 en 30 jier, Aukje Gerrits Groeneveld * Wier 20-3-1814 † dêr 5-4-1856, hûsnr 5, 33 jier; by trouwen naaister te Wier; dr fan Gerrit Durks Groeneveld en Jaike Krijns Zondervan, gerniers te Wier;
Sjirk x 2 Menameradiel 1-7-1857, 29 en 24 jier, Dorothea Freerks van der Leij * Wier 25-5-1833 † dêr 23-11-1859, 27 jier; by trouwen arbeidster te Wier, foar Alde Maaie 1857 idem te St.-Anne; dr fan Freerk Freerks van der Leij, yn 1833 skipper te Wier, yn 1857 dêr arbeider (Freark kin net skriuwe), en Houwkje Klazes de Groot (yn akten fan ’e Boargerlike Stân: Houkje, se skriuwt sels: Houwkje)
Sjirk x 3 Menameradiel 31-5-1862, 34 en 23 jier,
27 Saakje Tjeerds Nieuwenhuis
* Berltsum 2-7-1838 † Wier 14-1-1928 89 jier; NH; foar har trouwen faam by Klaas Siedses Krol en Tjitske Abes van der Vlag, kastleins te Bitgum; by boaskjen faam te Wier, Saakje wurdt dêr ynskreaun op har troudei; se wennet sûnt 7-6-1918 yn St.-Jabik, komt dêrwei op 10-5-1923 yn Wier, wennet dêr yn by de húshâlding fan har soan Tjitze Sjirks van Dijk en Sytske Klazes Douma, Wierster gerniers (nrs 71, 9)  

28 Anne Sijtzes Jaarsma * St.-Anne 10-3-1820 † dêr 7-7-1873, 53 jier; NH; erbaaier te St.-Anne (nrs 124d, 145e, 339, 192a, 191e, 220);
Anne x 2 ’t Bildt 29-5-1873, 53 en 57 jaar, Sybetje Luksen * Stiens 1816 † 24-12-1889, 74 jaar; NH; bij hur trouwen met Oane sonder beroep te St.-Anne; later dêr werkfrou (huusnrs 227b, 252, 190, êrmhuus 124, 191e, 88, 52b, 57a), bij hur overgaan dêr sonder beroep; dr fan Saakje Eeltjes Luksen (ok: Luxen), in 1815 werkfrou te Stiens, in 1838 idem te St.-Anne, dan troud met Tjeerd Pieters Miedema, erbaaier te St.-Anne;
Sybetsy x 1 ’t Bildt 7-5-1838, 22 en 67 jaar, Klaas Klazes de Jong * St.-Jabik -3-1773 ~ dêr op belidenis 19-5-1811 † St.-Anne 6-11-1851, huusnr 44, 80 jaar; in 1833, ’38 boer te St.-Anne, in 1845 dêr winkelman, bij syn doad dêr erbaaier; sn fan Klaas Klazes de Jong en Neeltje Jans, boeren te St.-Jabik;
Sybetsy x 2 ’t Bildt 15-11-1855, 40 en 28 jaar, Dirk Jans Willemsen * St.-Anne 26-10-1827 † dêr 13-5-1860, 32 jaar; erbaaier te St.-Anne; sn fan Jan Willems Willemsen en Lijsbert Klazes Kaper, erbaaiers te St.-Anne;
Dirk is soa as Sybetsy ’n soagenaamd ‘onecht kynd’, hij wordt as seun erkend bij ’t trouwen fan syn mim en hait op 6-5-1830.
Klaas x 1 St.-Anne 25-5-1801, 28 en 20 jaar, dan baide fan St.-Anne, Attje Tjebbes Walburg * St.-Anne 9-12-1780 ~ dêr 14-1-1781 † dêr 11-4-1824, huusnr 40, 43 jaar; dr fan Tiebbe Meinderts en Aaltje Alles, gerniers te St.-Anne (sien: https://erfgoed-fundaasje.nl/t-bildt/bild-parenteel/parenteel-dirck-boyens/ VI-DQ;
Klaas x 2 ’t Bildt 24-1-1833, 59 en 48 jaar, Ariaantje Anes Wassenaar (tekent hur trou-akte in 1818 folút met: Arjantje Cornelis Wassenaar; ok: Jaantje) * St.-Anne 9-4-1784 † dêr 26-11-1836, 52 jaar; bij hur eerste huwlik werkfrou te St.-Anne, bij hur tweede dêr gernierske; dr fan Ane Cornelis Wassenaar en Neeltje Arjens, gerniers te St.-Jabik en St.-Anne;
Adriaantje x 1 St.-Anne 31-5-1801, baide fan St.-Anne, Pieter Cornelis Brouwer * St.-Anne 14-3-1783 ~ 13-4-1783 † dêr 9-6-1812, huusnr 255, 29 jaar; erbaaier te St.-Anne; sn fan Cornelis Cornelis Brouwer en Elske Alles;
Jaantsy en Piter foere hur femilynamen al foor de Napoleontise naamsannimming in 1811/12; se komme baide út ’t laach dat besit had, en saodoende leard hadden om betekene te kinnen
Adriaantje x 2 ’t Bildt 31-5-1818, 34 en 44 jaar, Harmen Piers van Straten * St.-Anne 23-9-1774 ~ dêr 16-10-1774 † dêr 18-12-1826, 52 jaar; koopman te St.-Anne; Harmen kin niet skrive; sn fan Pier Harmens en Trijntje Rodmers; Harmen is weedner fan Joukje Martens Schaaf;
Anne x 1 ’t Bildt 30-3-1843, baide 25 jaar,
29 Klaasje Jans Willemsen
* St.-Anne 12-4-1817 † dêr  8-6-1872, 55 jaar; NH; bij trouwen werkmaid te St.-Anne
Oane en Klasy kinne niet skrive; Sybetsy en hur mim Saky ok niet

30 Klaas Walings Andringa * St.-Anne 4-12-1830 † St.-Jabik 25-7-1917, 86 jaar; eerst NH, later GK; bij trouwen boere-erbaaier te St.-Jabik, in 1874 idem te St.-Anne (huusnrs onder ânderen: 179, 134b, 247, 66c, 118, 134f, 446d, 461b, 134)
x ’t Bildt 13-4-1854, 23 en 26 jaar,
31 Gooikje Sjoukes Kramer * Nijesyl onder Hallum (later dorpsgebiet Froubuurt)  7-9-1827† St.-Anne 17-7-1909, 81 jaar; eerst NH, later GK; maid bij Louis du Houx en Alida Lochnaar, bouboeren in ’e Westhoek onder St.-Jabik (nr 128); bij trouwen boeremaid dêre bij Wop Hendriks Koning en Grietje Gerrits Wassenaar (nr 128)
Gooikje tekent onder hur aigen trou-akte: Kramer; onder die fan hur dochter Janke in 1874: Kraamer

32 Andries Jacobs de Jong * Wier 2-9-1767 ~ dêr 7-2-1773 (dat dopen is pas nei rom fiif jier, syn bruorkes Jacob en Jelle wurde dan ek bekristene, de oare broers en susters sawat in moanne nei har berte; dêrneist: Anders soe neffens de stjerakte omstrings 1765 geboaren wêze) † dêr 13-8-1844, hûsnr 30, 79 jier; yn 1824 gernier te Wier, yn 1834 dêr arbeider, by ferstjerren dêr sûnder berop;
Andrys kin net skriuwe
x Wier 1-11-1789, hy dan fan St.-Jabik, hja fan Minnertsgea
33 Baukje Sikkes Sikkema ~ Minnertsgea 6-8-1769 † Wier 1-4-1849, hûsnr 21, 79 jier

34 Kornelis Dirks Groeneveld * Wier 24-5-1774 † dêr 31-1-1812, hûsnr 3, 36 jier; yn 1811 winkelman te Wier, by syn ferstjerren dêr genier;
Alve moanne nei Kornelis syn fertigen jout Tytsy it libben oan in soan: Kornelis * Wier 17-12-1812;
x Wier 23-8-1801, dan beide fan Wier,
35 Tytje Arjens Hellema (yn akten ek: Titie, Tietje) * Hallum 14-11-1781 † Wier 15-2-1837, hûsnr 3, 55 jier; winkelfrou te Wier;
Tytsy tekenet sels, ûnder oaren mei: Tijtiej Ariens Hellijma, en: T.A. Hellijma
Tytsy x 2 Menameradiel 3-12-1814, 32 en 33 jier, Sikke Hendriks Hiemstra * Burdaard 31-10-1781 † Wier 6-7-1858 hûsnr 5, 77 jier; yn 1814 arbeider te Jannum; yn 1815 gernier te Wier; yn 1837 dêr gernier en winkelman, sûnt 1837 oant syn ferstjerren dêr arbeider; sn fan Hendrik Klazes Hiemstra, timmerman te Burdaard, en Baukje Sikkes
Sikke hâldt boelguod te Wier op 7-3-1837 fan meubels, manufaktueren en winkelguod, opbringst: f 458,00; yn 1840 ferkeapet er yn ’e mande mei broers en susters in hûs mei hôf en fierdere anneksen te Burdaard, keapsom: f 671,00
Sjoch: Genealogy Hellema – III.3.6

36 Jacob Sybes Walstra; arbeider te Feanwâlden;
x
37 Aafke Jogchums

38 Yble Annes van der Veer (ek: Ybele); genier te Marsum;
x
39 Getje Jans

40 Geele Tabes de Vries * Ryptsjerk † Wyns 23-10-1857, 60 jier; skipper te Ryptsjerk, letter te Wyns;
x
41 Berber Klazes Bouwer; (yn guon akten – by fersin tink – ek neamd: Brouwer); skipperske te Ryptsjerk
Geale en Berber kinne net skriuwe

42 Douwe Gerbens Siegersma; yn 1846 skipper te Froubuorren
x
43 Hendrikjen Hoites Hoekstra; yn 1846 skipperske te Froubuorren
Douwe en Hinke kinne net skriuwe

44 Symen Pieters Westerhuis
x
45 Pietertje Dirks Jonker; as wede gernierske te St.-Anne
Pitertsy kin niet skrive

46 Gaele Lieuwes van der Wal; Geale en Beitske litte om 1800 hinne bern dope te Feanwâlden; skipper by Ljouwert;
x
47 Beitske Gerrits; skipperske by Ljouwert

48 Wopke Gerrits de Vries; erbaaier te St.-Jabik
x
49 Johanna Jans van der Laan

50 Jippe Sybes de Jong; skoenmaker te St.-Anne;
x
51 Trijntje Boyens Zondervan;

52 Tjitze Sybrens van Dijk
x
53 Jantje Sjirks de Vries

54 Tjeerd Ulbes Nieuwenhuis; yn 1838 timmerfeint te Wier, yn 1862 dêr timmerman;
x
55 Jetske Symens de Valk

56 Sytze Sybrens Jaarsma; in 1820 mostertmolenaar te St.-Anne
x
57 Akke Pieters de Kuur

58 Jan Willems Willemsen
x
59 Lysbeth Klazes Kaper

60 Waling Willems Andringa * St.-Jabik 29-12-1799 † dêr 23-2-1870, 70 jaar; erbaaier te St.-Jabik;
x ’t Bildt 29-7-1821, 21 en 25 jaar,
61 Geertje Aukes Meijer * St.-Jabik 19-1-1796 ~ dêr 15-2-1796 † St.-Anne 19-1-1881, op hur ferjaardâg, 85 jaar; bij trouwen maid te St.-Anne
Waling tekent bij trouwen: andrenga; Geertsy: Maijer

62 Sjouke Luutzens Kramer; erbaaier te Froubuurt; in 1827 gernier op Nijesyl onder Hallum; Sjouke kin niet skrive
x
63 Janke Martens van der Meulen (ok: Martinus)

64 Jacob Jacobs
x Wier 1-6-1760, dan beide fan Wier,
65 Grietje Andries

66 Sikke Rintjes
; yn 1769 koaltsjer te Minnertsgea
x
67 Trijntje Dirks

68 Dirk Kornelis
(postúm: Groeneveld); gernier te Wier;
x
69 Aukje Gerrijts
; gernierske te Wier

70 Arjen Doekes Hellema
x
71 Rebekka Klazes