Home » Famyljes » Jukema » Genealogy Jukema

GENEALOGY JUKEMA

WAPEN JUKEMA

Registraasje: Fryske Rie foar Heraldyk
yn it Genealogysk Jierboek 2016
Fryske Akademy, 2016
Dield: I. yn read trije gouden klavers, boppe inoar; II. yn goud in swarte
heale earn, kommend út de dielline.
Helmteken: in swart hús- of hânmerk yn de foarm fan in haadletter T,
mei healwei de stôk in dwersstaak, mei oan de úteinen in heakje, lofts
nei boppen, rjochts nei ûnderen, en lofts in skeane staak, útgeande fan
it krúspunt fan stôk en dwersstaak.
Helmkleed: read, fuorre fan giel.

Boarne: wapen op de klok út 1709 yn de tsjerketoer te Easterbierrum fan
“Ielle Tieerds, kerckv.[oogd]”. Dizze kleuren waarden yn de famylje al
brûkt, sa as blykt út wapenpannen út de 20ste iuw. It helmteken komt
foar (links yn in skyld, dield mei de Fryske earn) op de berteleppel fan
Aafke Jelles, berne 6-2-1766, suster fan Ane Jelles Jukema.
It wapen is ornearre foar de neiteam fan Ane Jelles Jukema, berne
Seisbierrum 25-4-1776, boer en eigner fan achttjin perselen yn Lyts
Juckema-sate te Seisbierrum, stoarn dêr 18-10-1837, tr. Seisbierrum (3de
prokl. 1-6) 1800 Sibbeltje Botes Tjerkstra (1776-1841), dy’t de namme
Jukema fiere. Ane is de oerpakesizzer fan Jelle Tieerds. De âldste
foarfaar is dy syn heit, Tieerd Jelles, bakker te Wjelsryp, sûnt 1654
bakker te Easterbierrum, stoarn dêr 1684, tr. Reyntie Reyns.
Ynstjoerders: J.T. Anema, Vijverlaan 94, 3062 HM Rotterdam en A.J.
Jukema, De Kampen 27, 8855 DA Seisbierrum

It doel fan dizze genealogy is hâldfêst te bieden by it ynvintarisearen, argivearen en foar de takomst feilich te stellen fan Jukema-argiven, sawol fan ’e ûnderskate stagen as de bedriuwen.
De lju dy’t yn sokke argiven foarkomme ha hjir har plak yn famyljeferbannen. Om effisjinst nei nammen en feiten te sykjen, is de sykfunksje ûnmisber.


It giet hjir foarearst om de Bjirrumer Jukema’s, dy’t ôfstamme fan Jelle Anes en Tietske Annes, bouboeren ûnder Seisbierrum en dêr yn 1768 lân keapje yn ’e pleats Lyts Juckema. Dêr ûntlient de neiteam har namme oan. Ofstamming fan ’e ‘aadlike’ Juckema’s – mei in c – of fan ’e Grinslanner Ripperda van Jukema’s is net oan ’e oarder.

In oar foarnimmen by dizze ûndernimming is skiednis aktualiseare: by it hjoed begjinne en dêrútwei nei it ferline sjen. Dat betsjut dat libbene skiednis by de bern begjint, want it giet oer har eigen fermidden en namme. In avontuerlike syktocht nei harsels, har eigenaardige foarâlden, nei de betreklikens fan har ‘folk’.
Trochsykjen sûnder ein. Gean dat avontuer oan mei jo bern, bernsbern en fertel fan alles deromhinne. Bern binne der sljocht op!

Je kinne mei har bygelyks de folgjende soarte fan fragen trochnimme.
Hoefier giet dyn foarnamme werom? Of dy fan pake en beppe? Wat dogge heit en mem deis? Is dat heel wat oars as wat dy har heiten en memmen dienen? Wêr wennen se? Sykje dy plakken mar even op – net allinne op dyn mobyltsje, gean der mar ris hinne mei dyn freondintsje en freontsje en sjoch wat jim om jim hinne sjogge. Wat is der feroare yn ’e lêste 100 jier tinke jim? Wienen der auto’s? Koenen de minsken doe wol patat mei mayo krije? Wêr reizgen se mei fakânsje hinne? Hoe? En hoefaak, trije kear yn ’t jier? Gongen se sneins twa kear nei tsjerke? Wêrom?
De namme Jukema komt fan Lyts Juckema te Seisbierrum. Wêr leit dat? Sykje mei Google Earth. En gean ris nei Liauckama State ta. Dêr hat him ek fan alles ôfspile. In raar ferhaal: It grouwe pak.

As dat der yn sit, meitsje dan mei-inoar ris in byldzjend famyljeferhaal, mei in soad foto’s en rake koarte teksten.
As it Frysk te moeilik is, wit beppe of pake it wol – en oars stiet Google Translate paraat.

Dit is wurk yn útfiering. Erfgoed Fundaasje stelt ferbetteringen en oanfullingen behoarlik op priis.
Foar de oanklaaiïng fan in genealogy/stambeam binne foto’s en oar argyfmateriaal fansels fan belang, sawol fan ’e lêste generaasjes as dy fan fierder tebek.
As jo soks ha, wolle wy dat graach fernimme: info@erfgoed-fundaasje.nl. Sjoch foar ús wurkwize: Oer ús.

Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
KO= Kristlik Ofskieden/Christian Seperation
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Wat is in stamrige?

Undersyk: Erfgoed Fundaasje – Goasse Brouwer
Boarnen: argiven Boargerlike Stân en Notariële argiven.
Sjoch ek:
-Jan Tækele Anema, Kertiersteat fan Botsy Taans Faber
-Ype Brouwers, Haadsma-Bylage earste generaasjes
-Kees Kuiken, Ju(c)kema-Siderius, de families, het goed en het fonds, Wijdemeer, 2016 ISBN 9789492052230
-Kees Kuiken, Van Aartsma tot Zwalua, Deel 2, Bildts Aigene (bildtsaigene.nl) 2017 – 79 Elske Siderius
-Gerben Rientses Wartena en Goasse Doekeles Brouwer, Frysk Kertiersteateboek, Fryske Akademy 1996 – Kertiersteat Brouwer-Damsma nr 11 en fierder
-Simon Wierstra, Nageslacht van Hidde Sioerdts en Swob Jacobs te Sexbierum, ouders van admiraal Tjerck Hiddes de Vries nr VII-d, Genealogysk Jierboek 2001, Fryske Akademy, Ljouwert, 2001
-Erfgoed Fundaasje, Genealogy Haadsma
-Erfgoed Fundaasje, Kertiersteat Jelle en Jantsje Post nrs 85 en 84.

STAMRIGE
§ Jukema, Donia en Nammensma stamme út itselde skaai
§ Fan Mr bakker nei eigen boer
§ Ane en Jelle en Botsy: fanâlds bewende nammen
§ Sulveren tinkleppel mei wapens
§ De geboarteleppel – skeakel yn famyljebetrekkingen
§ Koaltsjer-gernier-boer
§ Meindert Sjoerds neamt him Donia nei Donia state
§ Koart oersjoch Donia-Jukema-Nammensma-Jukema
§ Besit fan Aafke Jelles Jukema en Meindert Sjoerds Donia
§ Namme-oannimming Jukema – ûnder Napoaleon, 1812
§ Ane Jelles syn ûnreplike fêstichheden
§ Lange Jagt met een windhond zonder vereischte vergunning
§ Jelle Anes Jukema de strykjildskriuwer
§ Jukema mei Houtsma
GENEALOGY
§ Fan Nederlâns Herfoarmd nei ûntsjerklik
§ Analfabetisme yn ’e Klaaiboustreek
§ Bedriuwsferoaringen op Donia

I Tieerd Jelles † Easterbierrum tusken 24-5- en 16-6-1684 Easterbierrum; DG, doopsgesind; bakker te Wjelsryp, sûnt 1654 te Easterbierrum; 
x Reyntje Reyns; dr f. Reyn Douwes en Geertyn Jelmers
Bern:
1 Jelle Tieerds, folget II
2 Tryntie Tieerdts † mooglik yn ’e kream 1698
x 1 omstrings 1680 Meindert Wybes † mooglik omstrings 1682, wis fóár 1698;
x 2 omstrings 1693/94 Jan Freercx † nei 1698.

II Jelle Tieerds * foar 1659 † Easterbierrum 1716 † Easterbierrum koart foar 21-3-1716; mr bakker te Easterbierrum 1692/’97; hy is yn 1694 noch bakker; yn 1709 (De Walle 4982) dêr tsjerkfâd, syn namme mei wapen stiet as sadanich op ’e klok fan Easterbierrum; yn 1698 boer op Haerda, stim 9 fan Easterbierrum, de saneamde ‘Jelle Tseardspleats’ ûnder Seisbierrum;
Jelle Tjeerds komt ek foar as: ek: Jelle Bakker;
x omstrings 1685 Bottie Anes † foar 1758; 1698/’97 mei-eigner (1/4) fan Stedda state ûnder Tsjummearum (stim 6); docht belidenis as jongfaam Tsjummearum op 29-1-1686; dr f. Ane Riemers, eigenerfd boer op Stedda state, mei-rjochter fan Barradiel, dyksfolmacht fan Tsjummearum, en Bottie Gerbens
Sjoch foar wiidweidige hâldfêsten oangeande Jelle en Botsy en har foarâlden:
-Ype Brouwers, Haadsma-Bylage earste generaasjes nrs 88 en 89 en fierder
Bern:
1 Reintje Jelles * omstrings 1686
x omstrings 1705/07 Hendrik Jaspers ~ Minnertsgea 29-10-1682 † [Easterbierrum, tusken 16-4l en 2-7] 1756; boer te Easterbierrum (yn 1728 brûker fan stim 8, yn 1738 fan stim 3, 6 en 8), yn 1749 ’boer, kan de kost winnen’ (kapitaal rom £ 7000), testeart 16-4-1756; sn fan Jasper Jacobs en Jetske Hendricks
2 Tryntje Jelles * omstrings 1693; yn 1749 as widdo boerinne te Easterbierrum:
x 1 omstrings 1714 Eelke Annes * 1693 ~ Seisbierrum 1-1-1694 † fóár 1717; broer fan Tietske Annes (III), troud mei syn sweager Ane Jelles, sn fan Anne Eelkes en Gryttie Jans
x 2 omstrings -11-1717 Claas Jochems * Easterbierrum; sûnt 1709 as opfolger fan syn mem boer te Easterbierrum op stim 1; sn fan Pytters en Saeck Claeses
Claas x 1 Antie Hansen.
3 Tjeerd Jelles ~Easterbierrum 26-5-1695 † fóár 1741; bouboer op Haerda-state te Easterbierrum (1728 brûker fan stim 9) as opfolger fan syn heit
x Antje Tjepkes
4 Ane Jelles, folget III
5 Gerrit Jelles ~ Easterbierrum 6-10-1700 † dêr 1765/1766; yn 1728/’38 boer op Haerda sate te Easterbierrum (brûker fan stim 9); yn 1749 dêr ‘boer, niet meer als de kost’ mei 7+0 persoanen, (’capitaal’ £ 5000)
x Antje Tanes † Easterbierrum 1759/ 1760
6 Riemer Jelles ~ Easterbierrum 3-2-1704.

§ Jukema, Donia en Nammensma stamme út itselde skaai
De broer fan Anne Jelles (nûmer III yn dizze stamrige), Gerryt Jelles (II.5) hat mei syn frou Antsy Taans sân bern, fan ’e bernsbern Wytske en Botsy stamme Donia’s ôf en de Nammensma’s.
De âldste fan Gerryt en Antsy is:
Jelle Gerrits ~ Easterbierrum 19-8-1725 † dêr 1782; bouboer te Easterbierrum, sûnt 1766 op Haerda state;
x 1 yn of fóár 1755 Uilkje Yttes ~ Easterbierrum 19-9-1723 † mooglik yn ’e kream 1756; dr fan Yte Jans en Antje Folkerts;
x 2 omstrings 1762 Yzaakje Jans van Asperen (ek: Ysaakje, IJzakje, Yzakje) ~ Easterbierrum 8-6-1738 † Kleaster Lidlum 20-12-1811, hûsnr 77, by har dochter Wytske-en-dy; 69 jier; yn 1722 lidmaat te Easterbierrum ‘huisvrouw van Jelle Gerrits’; bouboerinne te Easterbierrum; dr. fan Jan Jansen Asperen, Mr bakker te Easterbierrum, húsman te Tsjummearum, en Wytske Tjerks Swijnstra;
Yzaakje x 1 Easterbierrum, attestaasje 8-6, 1783 Pieter Paludanus * omstrings 1722 † 1782; skoalmaster, organist, belestingûntfanger (collecteur van de speciën), doarpsûntfanger fan ’e floreenrinten en doarpsrjochter te Easterbierrum, wennet op 30-4-1788 dêr noch; sn fan Thomas Petrus Paludanus, yn 1722, ’25, ’31 te Seisbierrum, yn 1727, ’28 te Minnertsgea, en Aafke Pybes;
Piter x 1 1747 Tietje Gerrits (ek: Tijtje)
Bern út it earste boask:
1 Antje Jelles * Easterbierrum 24-6-1756 ~ dêr, op belidenis 29-4-1798
Bern út it twadde houlik:
2 Gerryt Jelles, sjoch: Jan Tækele Anema, Genealogy fan Gerrit Jelles III.
3 Wytske Jelles * Easterbierrum 26-3-1767 ~ dêr, op belidenis, 5-2-1792 † 5-1-1821, hûsnr 77, 54 jier; bouboerinne op har âlderspleats op Kleaster Lidlum ûnder Easterbierrum;
x Easterbierrum 21-12-1788, 21 en 31 jier, Jochum Harmens Donia * Kleaster Lidlum, ûnder Easterbierrum, 17-10-1757 ~ Easterbierrum, op belidenis, 4-5-1780 † dêr 10-9-1826, hûsnr 77, 68, jier (neffens syn stjerakte is er dan 74 jier, dat sil in fersin wêze); húsman op Kleaster Lidlum; sn fan Harmen Pijters (postúm: Donia, yn stjerakte fan syn soan Jochum), en Jacobje Alefs (yn stjerakte fan har soan Jochum: Japikje Ales)
Jochum x 1 Trijntje Pieters † 25-8-1779
Jochum nimt yn 1811 de namme Donia oan, foar himsels en syn seis bern.
Dit is in oar laach Donia as dat fan Meindert Sjoerds Donia x Aafke Jelles Jukema (IV.4)
Sjoch: Nico van der Woude, Moederreeks Wytske Jelles
4 Bottje Jelles ~ Easterbierrum 28-4-1771 † Boer 10 juli 1848, hûsnr 7, 77 jier; bouboerinne te Tsjummearrum, letter te Boer oant har ferstjerren mei 77 jier;
x Tsjummearum 12-6-1796, sy fan Easterbierrum, hy fan Tsjummearum, Nammen Nammens Nammensma * Hallum, neffens stjerakte, ~ Hijum 9-6-1768 † Boer 11-9-1847, nr 7, 79 jier (neffens syn stjerakte is er dan 78 jier); by trouwen en yn 1812, ’13 bouboer te Tsjummearum, yn 1826 húsman te Boer, oant syn ferstjerren mei 79 jier; sn fan Nammen Nammens (postúm Nammensma, bygelyks yn ’e stjerakte fan syn soan Nammen) en Nieske Jans, bouboeren ûnder Hallum, sûnt omstrings 1773 idem te Tsjummearum

Nammen Nammens nimt yn 1811 de namme Nammens oan foar himsels, syn bern Nammen (43 jier), Jan (40) Zijke (29) en Aale (28) en syn bernsbern dy‘t by him ynwenje, te witten it kroast fan syn âldste soan Nammen: Nammen (15), Izaakje (12), Nieske (11) en Antje (6); en it pjut en de poppen fan syn soan Ale: Pieter (3) en Nieske en Gerryt, beide oardel jier.
Nammen tekenet sels: Nammes, mar nimt de namme Nammens oan neffens de amtner fan ’e Boargerlike Stân, de adjunkt maire (=loko boargemaster) Seerp Pieters Anema, de pake fan Seerp Pieters Anema (IV.2) x Jetske Jelles Jukema

Nammen wurdt yn ’e stjer-akte fan syn soantsje Jelle yn 1812 Namme Nammens Jr. neamd, yn it Notarieel Argyf yn 1813 Nammen Nammens Jr., yn ’e berte-akte fan soan Jelle yn 1818 Namme Nammens Jr.; alle kearen sûnder de achternamme Nammensma; yn ’e trou-akte fan soan Namme yn 1821 is de fan Nammes; yn ’e trou-akte fan dochter Ysakje yn 1822 is it Namsma, dat kin wêze neffens útspraak Nam̃m̃sma. Under de trou-akten fan syn dochters Nies yn 1826 en Antsy yn 1829, tekenet Nammen mei Nammensma, dy namme is dan sa’t skynt ynboargere.
Sjoch: Jan Tækele Anema
Genealogy fan Gerrit Jelles
Kertiersteat fan Botsy Taans Faber nrs 4-5
Fan ’e broer fan Gerryt, Tane Gerrits ~ Easterbierrum 16-8-1733 † dêr 4-11-1804; dêr bouboer, x omstrings Froukjen Pyters, stamme de Haadsma’s ôf, neamt nei Haerda; de stavering fan Haad is fonetysk: de r is yn ’e útspraak stom.
Sjoch: foar fierdere foarâlden
-Ype Brouwers, Haadsma-Bylage earste generaasjes
-Goasse Brouwer, Genealogy Haadsma

§ Fan Mr bakker nei eigen boer
Jelle Tseards (II) en Botsy Anes binne earst bakker te Easterbierrum en sûnt 1701 dêr eigen boer op Haerda state. Yn 1698 buorkje se dêr ek al: op stim 9. As se Haerda state keapje, ha se dêrmei sa’n 30 hektare lân ûnder Easterbierrum yn besit; se wenje dêre wierskynlik al yn 1704. 
Sûnt 2013 buorkje dêr har bet-oer-oer bernsbern Gerrit Jukema en Carla Smink mei de fjouwer bern.

Haerda State yn 1723 neffens in tekening fan Jacobus Jans Stellingwerf.
Jelle en Botsy sille de pleats kocht ha: Haerda state, net it slot Haerda State – mei haadletter

III Ane Jelles ~ Easterbierrum 18-7-1697 ~ Seisbierrum 18-8-1748 [?] † nei 1778; sûnt 1725 boer op Liauckama state te Seisbierrum (yn 1729/’38, brûker fan stim 29); yn 1749 dêr ‘boer’ mei 3+0 persoanen, (’capitaal’ £ 17.500), wurdt mei syn wiif kommend fan Easterbierrum lidmaat te Seisbierrum op 27-1-1728; keapet yn 1768 in fjirde part lân yn ’e pleats Lyts Juckema ûnder Seisbierrum (stim 18).
Op Liauckama binne sûnt midden 19e iu syn eftermigen (second cousins) Bruinsma boer
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – 
Genealogy Bruinsma 
x Seisbierrum 3-5-1722 Tietske Annes ~ Seisbierrum 9-10-1698 † fóár 1775; suster fan Eelke Annes (II.2), troud mei har skoansuster Trijntje Jelles, dr fan Anne Eelkes, yn 1698 boer te Seisbierrum (dan dêr brûker fan stim 7), en Gryttie Jans
Bern:
Jelle Anes
, folget IV
Antje Anes ~ Easterbierrum 16-7-1724 † omstrings 1790;
x Tsjummearum 18-3-1755 Doeke Annes ~ Tsjummearum 25-3-1731 † omstrings 1794
neiteam: Zeinstra en Dijkstra
Bottie Anes * Seisbierrum, Liauckama state ~ Seisbierrum 29-11-1725

Liauckema State, de State is ôfbrutsen yn 1824, de poarte is noch yn wêzen.
Ane Jelles en Tsjitske Oanes sille op ’e pleats buorke ha, net op ’e State

§ Ane en Jelle en Botsy: fanâlds bewende nammen
Foarnammen wurde fanâlds by ferneaming fan slachte op slachte oerdroegen. In nije moade trochkrúst dy gewoante sûnt omstrings 1950, mar set foargoed troch yn ’e 70er jierren. ‘Yndividualisearing’ liket ien fan ’e wichtichste oarsaken.
De namme Ane giet yn dit laach werom op Ane Riemers * foar 1619 † 1698; eigenerfd boer op Stedda state ûnder Tsjummearum; meirjochter fan Barradiel, dyksfolmacht fan Tsjummearum;
x Bottie Gerbens.
Sjoch:
-Ype Brouwers, Haadsma-Bylage earste generaasjes nr 178
-Goasse Brouwer, Kertiersteat Jelle en Jantsje Post nr 1362
Ane, komt fan Germaans arn = earn. It is ien fan ’e âldste symboalen fan Europa dat tebek giet nei de Germaanse troepen dêr’t de fredefûgel yn ferbining stie mei de Germaanse oppergod of Alfader Wodan (Noars: Odin), god fan kennis, wiisheid, striid, oarloch, it hjirneimels, magy, genêskeunst en it runenskrift.
Yn ’e klassike mytology is de rôffûgel it attribút fan Seus, de opperste god. As symboal fan macht en oerwinning stie de adelaar boppe-op de findels fan ’e Romeinse legioenen.
Yn ’e kristlike keunst stiet de arend foar de opstannning en de himelfeart fan Kristus, want hy fljocht ta hegere en heechste flecht.
Jelle fiert hjir foarearst tebek op Jelle Tieerds, nr II, hjirboppe;
x Bottie Anes.
Jelle is in Germaanse namme en in ferkoarting fan it Latynse Guillielmus, yn patuer mei de twastammige Germaanse namme Wilhelm – Willem – út Wil, mei de betsjutting ‘wil’ en Helm, mei de betsjuttingen ‘bedekker’ en ‘beskermer’.
De namme Botsy komt fan it Germaans Bod of Bode, mei de betsjutting ’gebod’ en ‘gebiede’. De stavering Bottie yn ’e Doopboeken ferwiist nei de útspraak: Botsy – der is neat gjin ‘plattens’ oan dat ynlâns; yn it ‘offisjeel’ Frysk is ’t meast: Botsje. By de ynstelling fan ’e Boargerlike Stân ûnder Napoleon (1811-’12) wurde sawat alle Fryske nammen yn it Hollâns omstavere, as it even kin. Mar Ane en Jelle liene har dêrta net.

IV Jelle Anes ~ Easterbierrum 14-3-1723 † foar 1777; docht 12-2-1747 belidenis te Seisbierrum; bouboer te Seisbierrum; wurdt op 12-2-1747 op belidenis as lidmaat te Seisbierrum oannommen; yn Doop- en Trouboeken wurdt er meast Jelle Anis neamd;
x 1 Seisbierrum 27-5-1746, beide fan Seisbierrum, Mayke Jeltes ~ Seisbierrum 13-3-1718;
x 2 Seisbierrum 1-6-1760, dan beide fan Seisbierrum, Hiltje Haantjes * Bitgum omstrings 1734 ~ Ingelum 25-4-1734 † Seisbierrum 8-6-1813, hûsnr 66, 79 jier; docht 15-2-1767 belidenis te Seisbierrum, is lidmaat yn 1755; by ferstjerren sûnder berop te Seisbierrum; dr f. Haantie Ottes, yn 1722 te Minnertsgea, yn 1728 boer te Ingelum (dan dêr brûker fan ’e stimmen 8 en 9), yn 1749 boer te Bitgum (ek neffens stjerakte fan Hiltsje), en Aafke Obbes, húslju te Bitgum.

§ Sulveren tinkleppel mei wapens
Fan Jelle Anes en Hiltsje Haantsjes is in sulveren tinkleppel mei har wapens deryn graveard bewarre. Beide ha in heale earn. Yn ’e heraldyk, de wapenkunde, stiet dy fûgel foar it Frysk komôf. In ikel – yn it froulik fjouwerkantich blazoen fan Hiltsje – is ornaris smboal foar boskbesit. It earste seit himsels, it twadde bliuwt foarlopich nijsgjirrich.

Jelle syn wapen hat in hânmerk, links (heraldysk rjochts) op it manljuswapen:

Foto: Jan de Boer.
Boarne: Kees Kuiken – Ju(c)kema-Siderius

§ De geboarteleppel – skeakel yn famyljebetrekkingen
De tradysje fan it jaan fan geboarteleppels krijt tsjintwurdich stadichoan wer grûn ûnder de fuotten. It sulver is no net mear in belizzing, mar skept de skeakel yn famyljebetrekkingen. Bern binne dêr gefoelich foar. Ha jo noch net in berteleppel skonken? It is noch net te let.
Sjoch:
Taljochting sulver
-as ien fan ’e aktuele foarbylden – oan Jukema besibbe – Kolleksje Marra

Bern fan IV, út it earste boask:
1 Ane Jelles ~ Seisbierrum ~18-8-1748
(Te Seisbierrum wurdt op 5-3-1747 doopt: Jelte Jeltes, sn fan Jelte Anis; it sil hjir wol net om deselde heit gean, mar it soe kinne);
út it twadde houlik:
2 Tjietske Jelles (ek: Tjetske, yn Doopboek: Tjietske; postúm: Jukema) ~ Seisbierrum 20-4-1761 † dêr 2-9-1813, hûsnr 21, 52 jier en 5 moanne;
Yn har stjerakte wurdt Tsjitske sûnder tanamme neamd, yn akten har bern oanbelangjende dan wer al, dan wer net mei de fan Jukema, yn ’e stjerakte fan har man stiet se wol mei dy achternamme.
x Seisbierrum 14-8-1785 Klaas Roelofs Goodijk * Hijum 24-1-1750 ~ Feinsum 14-2-1751 † Seisbierrum 2-5-1836, hûsnr S21, 85 jier; ‘chirurgijnmeester’ en ‘heel- en vroedmeester’ te Seisbierrum, by syn ferstjerrenmei mei 85 jier dêr noch ‘heelmeester ten plattenlande’; tsjerkfâd te Seisbierrum; sn fan Roelof Pytters en Neeltje Alberts
Klaas nimt op 27-3-1812 de namme Goodijk oan foar himsels en syn fiif bern.
3 Ane Jelles ~ Seisbierrum 15-1-1764
4 Aafke Jelles Jukema
* Seisbierrum 6-2-1766 ~ dêr 23-2-1766 † dêr 1-6-1833, hûsnr S108, 67 jier; boerinne op Donia state ûnder Seisbierrum;
Fan Afke is de geboarteleppel bewarre. It helmteken op it Jukema-wapen hjirboppe, is ûntliend oan it wapen op dyn leppel.
x Seisbierrum 11-7-1790, beide fan Seisbierrum, Meindert Sjoerds Donia * Easterbierrum 1769 ~ dêr 9-4-1769 † Seisbierrum 8-8-1858, hûsnr 108, 89 jier; yn 1813 húsman te Seisbierrum; 1823 dêr ‘erfgezeten huisman’; yn 1849 en by ferstjerren dêr sûnder berop, Meindert wennet dan yn hûsnr 108, dat is wierskynlik net Donia state, syn soan Sjoerd buorket ek op dat nûmer (fierder ûndersyk sil grif útslútsel hjiroer jaan); yn 1813 is Meindert adjunkt maire (=loko-boargemaster) fan Seisbierrum; yn 1832 gemeenteriedslid fan Barradiel, yn 1836 dêr earste assessor (=wethâlder); yn 1827, ’30, ’41 dêr administrearend tsjerkfâd en earmfâd; yn 1833 kommittearde wetterskip Easterbierrum; sn fan Sjoerd Meijerts en Trijntie Klases
Meindert is fâd oer Gertje en Grietje Andries Haadsma, sjoch: Genealogy Haadsma – II.3
5 Botje Jelles ~ Seisbierrum 28-4-1771
6 Ane Jelles Jukema, folget V
7 Janke Jelles Jukema * Seisbierrum 28-9-1777 ~ dêr 19-10-1777 † dêr 30-3-1818, hûsnr 22, 40 jier; by ferstjerren winkelfrou te Seisbierrum;
x Seisbierrum 27-5-1804, 31 en 26 jier Pieter Riemers Wiersma * Seisbierrum 22-8-1772 ~ dêr 30-8-1772 † dêr 16-6-1845, 72 jier; yn 1812 gernier te Seisbierrum; yn 1818 dêr keapman; yn 1829 dêr bouboer; yn 1835 dêr koaltsjer (in brûker fan lân dy’t benammen koalsoarten ferboud); sn fan Riemer Pieters Wiersma en Aafke Rientses Hofman (ek: Aafke Rinses)

§ KOALTSJER-GERNIER-BOER
Janke Jelles Jukema en Piter Rimers Wiersma stiet te boek as koaltsjer.
In koaltsjer (cabbage grower/kooltjer) is ien dy’t benammen koal ferbout: boerekoal, blomkoal, griene-, wite-, reade-, spits-, savoaie koal, sprútsjes, sûchwoartel (parsnip/pastinaak), sipels (onions) en rapen (kohlrabi). Mar it bouplan kin allyksa útwreide wêze mei griente en fruchten: woartels, beane, wytlof en appels, parren, prommen, ierdbeien, swarte- en reade beien, dan feroaret de koaltsjer yn túnker, túnder, túnbouwer. En by it bouwen fan ierdappels (potatoes) komt de gernier (gardener/gardenier) yn byld. Mei de gernierkerij kin dêroerhinne allyksa flaaks (flax), blaumoantsjesied (blue moonseed) en sûkerei (chicory/chicorei) anneks wêze; en der kin in ko as twa molken wurde, foar eigen gebrûk. Soks kin groeie en útrinne op it boer-wêzen.

Sjoch:
-Simon Wierstra, Nageslacht van Hidde Sioerdts en Swob Jacobs te Sexbierum, ouders van admiraal Tjerck Hiddes de Vries, Genealogysk Jierboek 2001, Fryske Akademy, Ljouwert, 2001:
>Pieter Riemers Wiersma x Janke Jelles Jukema – nr VII-d
>admiraal Tjerck Hiddes de Vries – nr II-c
>en syn suster Tjerckje Hiddes – nr II-9
-Goasse Brouwer, Erfgoed Fundaasje, Kertiersteat Jelle en Jantsje Post:
>Pieter Riemers Wiersma x Janke Jelles Jukema – nrs 85 en 84.

§ Meindert Sjoerds neamt him Donia nei Donia state
Op 12-3-1812 nimt Meindert de namme Donia oan – nei de pleats dêr’t er op buorket: Donia state – foar himsels en syn beide bern Sjoerd en Trijntje Meinderts Donia.
Nei Meindert komme de Nammensma yn 1852 op Donia, dy’t dêr fan heit op soan buorkje oant 1973, dan komme Nely Nammensma, trout mei Ane Jelles Jukema (X), op ’e pleats. En sa is dy al mear as twahûndert jier yn ’e famylje.

§ Koart oersjoch Donia-Jukema-Nammensma-Jukema
Meindert Sjoerds Donia
 x Aafke Jelles Jukema (sjoch hjirboppe IV.4)
Trije bern, ûnder oaren:
Sjoerd Meinderts Donia
 * Seisbierrum 8-8-1798 ~ dêr 2-9-1798 † dêr 8-11-1849, hûsnr 108, 51 jier; Sjoerd is neffens de Boargerlike Stân dan wer boer (1825, ’47 en by syn ferstjerren yn 1849) en dan wer sûnder berop (1829, ’31, ’33, ’34), hy húsmannet sa’t liket hyltyd op it stee Letter S nr 108, dêr’t ek syn heit Meindert as rintenier op wennet en ferstjert;
x Barradiel 28-6-1823, 24 en 22 jier, Geertje Jans Post * Easterbierrum 24-10-1800 ~ dêr 9-11-1800 † Seisbierrum 14-9-1847, hûsnr 108, 46 jier; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; bouboerinne te Seisbierrum; suster fan Maartje x Nammen Nammens Nammensma, sjoch: § Koart oersjoch Donia-Jukema-Nammensma-Jukema; dr fan Jan Willems Post, skoalmaster te Easterbierrum oant syn ferstjerren yn 1834 mei 69 jier (Letter O nr 11), en Neeltje Betzes
Dochter:
Neeltje Sjoerds Donia
 * Seisbierrum 8-9-1833 † dêr 28-10-1905, 72 jier; ferhuzet as jongfaam nei Rie ‘als zijnde pupil van Nammen Nammensma aldaar’, Nammen, Neeltsy har lettere skoanheit, is ek har fâd; by trouwen stiet Neeltsy te boek as ‘drijvende boerderij’ te Seisbierrum, wenjend te Rie; sûnt har trouwen bouboerinne op Donia state ûnder Seisbierrum (134, 270, 218); by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Barradiel 22-5-1852, 18 en 22 jier, (Neeltsy is wees en minderjierrich, dat: ‘hebbende de grootvader van vaders zijde Meinderts Sjoerds Donia buiten bedrijf te Sexbierum woonagtig deszelfs toestemming tot dit huwelijk gegeven’) Nammen Nammens Nammensma * Tsjummearum 25-9-1829 † Seisbierrum 5-7-1900, 70 jier; by syn trouwen arbeider, wenjend te Rie, ferbliuwend te Seisbierrum, grif by Neeltsy, syn lettere frou; sûnt syn boaskjen bouboer op Donia; sn fan Nammen Nammens Nammensma (1797-1854) en Maartje Jans Post (ek: Maatje, de r is stom by útspraak yn ’t Bilts en Frysk; suster fan Geertje x Sjoerd Meinderts Donia, sjoch: § Koart oersjoch Donia-Jukema-Nammensma-Jukema); Nammen en Maatsy binne bouboeren te Tsjummearum en Rie; Nammen is in pakesizzer fan Nammen Nammens Nammensma x Botje Jelles (IV.5; sjoch: § Jukema, Donia en Nammensma stamme út itselde skaai)
-Neeltsy keapet op 26-10-1904 fan Johan, Petrus Johannes en Geertrui Wilhelmina Eduarda Hora Adema, frou fan Gerard Kniphorst, allegear te Den Haach, de perselen 19-29 te Seisbierrum; keapsom: f 20.004,00; notaris: Sjoerd Haagsma te Snits; Repertoire: 121042
Njoggen bern, ûnder oaren 2 en 9:
2 Nammen Nammens Nammensma
 * Seisbierrum 23-4-1855 † dêr op Donia state 4-7-1921, 66 jier; sûnt 8-3-1884 bouboer te Easterbierrum op nr 184, sûnt 1-11-1900 dêr bouboer op nr 169; sûnt 13-2-1907 oant syn ferstjerren idem op Donia state (278, 323, 311); net troud
9 Jan Nammens Nammensma * Seisbierrum 19-1-1869 † dêr 13-11-1923, 54 jier, [] Seisbierrum; by trouwen en dêrnei bouboer te Seisbierrum (308, 357, 351);
x Barradiel 26-5-1892, 23 en 21 jier, Geertrui Elisabeth Koudenburg (neamd nei har heit syn earste frou Geertrui Elisabeth Joha) * Seisbierrum 10-8-1870 † dêr 12-10-1960, 90 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, dêrnei dêr bouboerinne, oant Alde Maaie 1936, dêrnei dêr oant har ferstjerren rintenierske; dr fan Gerrit Jans Koudenburg en Hiltje Hantjes Goodijk, bouboeren te Seisbierrum (262, 161, 177)
Fjirtjin bern, ûnder oaren 2 en 11:
2 Gerrit Jans Nammensma * Seisbierrum 20-10-1895 † dêr 2-3-1949, 53 jier; sûnt 19-9-1921 oant 1937 bouboer op Donia state (311), folget syn omke Nammen op; by ferstjerren kommisjonêr te Pitersbierrum;
x Barradiel 29-9-1921, 25 en 24 jier, Sietske Andries Tiemersma * Huzum 6-3-1897; by trouwen sûnder berop te Heemstede, wurdt dêrwei oerskreaun op 10-9-1921 nei Seisbierrum; bouboerinne op Donia state; dr fan Andries Johannes Tiemersma, keapman te Deinum, sûnt Alde Maaie 1890 te Huzum, sûnt 26-7-1904 te Ljouwert, en Antje Beerts Lont, yn 1921 beide sûnder berop te Heemstede
Sjoch: Derk Jordaan, Van Timersma tot Tiemersma IX-A
11 Jan Jans Nammensma * Seisbierrum 10-7-1909† dêr 14-10-1992, 83 jier, [] Seisbierrum;
x Barradiel 4-6-1936, 26 en 20 jier, Pietertje Johannes Houtsma * Easterbierrum 11-6-1915 † dêr 24-8-1992, 77 jier, [] Seisbierrum; dr fan Johannes Botes Houtsma en Sibbeltje Botes Jukema (VIII.5.2); sûnt 1937 bouboeren op Donia state, folgje har omke Gerryt-en-dy dêr op.
Dochter:
Nely Nammensma
x Ane Jelles Jukema, sûnt 1973 bouboeren op Donia state, opfolgers fan Nely har âlden
Soan:
Jelle Anes Jukema

x Rianne Wissmann
bouboeren op Donia state, opfolgers fan Jelle syn âlden.

Ane Jelles Jukema en Jelle Anes Jukenma, trou-akte fan Pien wurdt betekene.
Donia state
Jelle Anes Jukema
Donia state mei ien hinnestâl
Ane Jelles Jukema

§ Besit fan Aafke Jelles Jukema en Meindert Sjoerds Donia
Yn 1832 ha Afke Jelles Jukema en Meindert Sjoerds Donia it folgjende yn besit te Seisbierrum:

Perseelnr Gebrûk Oerflakte m2 Klasse Belesting

21Bou50503
24Bou40402
40Bou258502
262Hûs en hiem7219
385Bou156401
396Bou164801
671Weiland164305
687Greide94005
688Greide181705
710Greide96005
733Bou32305
(Kadaster 1832, Minútplan Seisbierrum D1 Seksje D Lizzer 681)

En fierders binne Afke en Meindert yn 1832 eigner fan, respektivelik perseel en kante meters:
-hûs, skuorre en hiem: 155, 1930;
-hôf: 45 en 156, 720; 157, 1050;
-boulân: 139, 18680; 147, 17750; 148, 11000; 149, 10140; 150, 13280; 151, 11340; 152, 24820; 153, 7910; 154, 15270; 160, 31910; 161, 14670; 162, 10290; 163, 10520;
-greide: 158, 15800; 159, 19590.

GENERAASJE V
V Ane Jelles Jukema * Seisbierrum 25-4-1776 ~ dêr 5-5-1776 † dêr 18-10-1837, hûsnr S66, 61 jier; bouboer oan ’e Nije Buorren te Seisbierrum (wennet net op Lyts Juckema of in oare pleats bûten it doarp); eigner en brûker fan 5,5 hektare lân (achttjin perselen) yn ’e pleats Lyts Juckema state ûnder Seisbierrum (stim 18); yn 1837 sûnder berop te Seisbierrum; tsjerkfâd; gemeenteriedslid fan Barradiel;
fan Ane Jelles is de berteleppel bewarre;
x Seisbierrum 1-6-1800, 24 en 23 jier, Sibbeltje Botes Tjerkstra * Kleaster-Lidlum ûnder Easterbierrum 22-10-1776 † Seisbierrum 4-5-1841, nr 66, 64 jier; bouboerinne te Seisbierrum; yn 1837, ’38 dêr sûnder berop, mar Sibbeltsje stiet by har ferstjerren wer as boerinne yn ’e registers; dr f. Bote Tjerks Tjerkstra (yn stjerakte neamd Terkstra, sil in ferskriuwing wêze), yn 1775 te Brantgum, en Trijntje Lolles, fan Easterbierrum, húslju ûnder Kleaster-Lidlum (nr 6)
Sjoch Erfgoed Fundaasje:
-Jan Tækele Anema, Kertiersteat fan Botsy Taans Faber 
-Gerben Rientses Wartena en Goasse Doekeles Brouwer, Frysk Kertiersteateboek, Fryske Akademy 1996 – Kertiersteat Brouwer-Damsma – nr. 11 en fierder
Genealogy Haadsma

Bern:
1 Trijntje Anes Jukema * Seisbierrum 14-5-1814 † Easterbierrum 25-2-1898, 83 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; bouboerinne te Easterbierrum; by ferstjerren dêr sûnder berop; eignerske fan lân yn Lyts Juckema ûnder Seisbierrum;
x Barradiel 14-4-1838, 27 en 23 jier, Pieter Jelles Zijlstra * Easterbierrum 9-3-1811 ~ dêr 24-1811 † dêr 2-4-1886, 75 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum en skutter by it 2e Bataljon, 1e Ofdieling Fryske Skutterij; yn 1838, ’39, ’42, ’56, ’71 bouboer te Seisbierrum, yn 1840, ’42, ’43, ’46, ’48 dêr neamd setmeier.
Sjoch: Goasse Brouwer, Genealogy Zijlstra III.1
2 Jelle Anes Jukema, folget VI
3 Bote Anes Jukema * Seisbierrum 22-6-1818 † dêr 28-9-1841, hûsnr 66, 23 jier; by ferstjerren bouboer te Seisbierrum.
Boate lit by syn ferstjerren in saldo nei fan f 4.605,60.

§ Namme-oannimming Jukema– ûnder Napoaleon, 1812


Ane Jelles nimt op 12-3-1812, as ûnder Napoleon de Boargerlike Stân ynfierd wurdt, de namme Jukema oan, grif nei syn besit yn Lyts Juckema; syn tanamme komt by him allyksa spoaradys foar as Juckema, mei in c, lykas ek by guon fan syn neiteam.
Voor ons Maire der gemeente van Sexbierum/
canton Franeker, Arrondissement Leeuwarden, De/
partement Vriesland, gecompareerd zijnde Ane/
Jelles wonende te Sexbierum, heeft dezelve verklaard/
dat hij aanneemt de naam van Jukema voor/
familienaam en heeft hij deze met ons verteekend/
den twaalfden maart Agtienhondert/
en twaalf.
A: J: Júkema

It skerpteken dat Ane op ’e u yn syn fan set, kin wize op ’e útspraak: ú. Yn ’e geboarte-akte fan syn soan Boate yn 1818 set er ek in accent aigu op ’e u.
Hjoeddedei wurdt de namme yn ’e Bjirmen meast útsprutsen mei de û-klank [oe].

§ Ane Jelles syn ûnreplike fêstichheden
Hjirûnder it besit fan Ane Jelles Jukema neffens de ynskriuwing yn it Kadaster fan 1832.

Minútplan Seisbierrum C1 Seksje C Lizzer 194:

Perseelnr.Yn gebrûk asOerflakte m²KlasseBelesting
37Hôf5102
239Greide237902
325Hûs en hiem430145
326Hûs42115
335Skuorre631
376Boulân38102
377Hûs66115
388Tún12803
403Hûs en hiem250145
510Boulân201601
552Greide303102
563Boulân56503
593Boulân61202
646Boulân71301/2
802Boulân147602
803Greide87903
804Greide144503
805Greide159404

GENERAASJE VI
VI Jelle Anes Jukema * Easterbierrum 6-4-1816 † dêr 10-1-1891, 74 jier; by trouwen en yn 1838, ’39 sûnder berop te Easterbierrum; yn 1837, ’41, ’42 dêr koaltsjer, yn 1858, ’59, ’62 dêr keapman (sûnt 19-2-1870 op hûsnr 62C, letter 129 en 28K, har bernsbern Jelle en Tietje Anes Jukema wenje dan by har yn); as bouboer eigner en brûker fan lân yn Lyts Jukema ûnder Seisbierrum; yn 1873 taksateur fan replik en ûnreplik guod te Easterbierrum; strykjildskriuwer; tsjerkfâd te Easterbierrum, mei ûnder syn bewâld wurdt dêr yn 1879 in Bewaarskoalle stifte, sjoch Oud Tzummarum
x Barradiel 16-12-1837, beide 21 jier, Tietje Jelles Zijlstra * Easterbierrum 31-5-1816 † dêr 13-3-1870, nr 62, 53 jier; koaltsjerske en bouboerinne te Easterbierrum; dr fan Jelle Pieters Zijlstra en Jetske Johannes Hibma.
Sjoch: Genealogy Zijlstra II.1.4
Bern:
1 Ane Jelles Jukema
, folget VII
2 Jetske Jelles Jukema * Easterbierrum 30-9-1839 † Huzum 28-12-1907, 68 jier; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; sûnt bouboerinne te Seisbierrum, sûnt 1862 te Easterbierrum (101), sûnt 1879 te Doanjum (17); op 16-5-1900 ferhúzje hja en Searp nei Huzum om dêr te rintenieren (Skrâns B97, E87, E114, E166);
x Barradiel 10-5-1859, 19 en 24 jier, Seerp Pieters Anema (as ropnamme ek: Sjerp) * Doanjum 28-7-1834 † Huzum 23-6-1925, 90 jier; by trouwen sûnder berop te Doanjum; m.y.f. de troudei 10-5-1859 bouboer te Seisbierrum; sûnt 21-2-1862 bouboer te Easterbierrum; sûnt 1-5-1879 bouboer op syn âlderspleats te Doanjum; 4-2-1888 mei-oprjochter en bestjoerslid fan ’e Coop. Stoomzuivelfabriek te Doanjum; broer fan Jetske Pieters Anema (VII) x syn sweager Ane Jelles Jukema; tsjerkfâd te Doanjum; adminstrearend diaken te Easterbierrum; sn fan Pieter Seerps Anema, taksateur fan ûnreplik guod, tsjerkfâd te Doanjum, en Saakje Gerlofs Heslinga, bouboeren te Doanjum (17); ferfarre op 30-4-1879 nei Huzum om dêr te rintenieren (Piter Sjerps keapet dêr op 9-2-1880 fan Margaretha Elisabeth Berghauser c.s., widdo fan Harmen Adema te Huzum, in hearehûs; keapsom: f 5.000,00; notaris: Albertus Wiersma te Reduzum; Repertoire: 115062.
-Searp en Jetske keapje op 21-1-1879 fan heit Pieter Seerps Anema te Doanjum in sate en lân te Doanjum; keapsom: f 133.475,00; notaris: Hylke de Koe te Seisbierrum; Repertoire 117057
-Searp ferkeapet op 17-4-1899 oan Gerben Wiebrens Hiemstra te Doanjum, in hûs mei strieskuorre, tún, hiem en boulân te Doanjum; keapsom: f 2.700,00; notaris: Dominicus Cannegieter te Tsjom; Repertoire: 131029
3 Sibbeltje Jelles Jukema * Easterbierrum 22-7-1841 † dêr 20-7-1842, hûsnr 6, krapoan in jier.

Leeuwarder Courant 13 en 16-1-1891
Leeuwarder Courant, 30-12-1907 en 3-1-1908

§ Lange Jagt met een windhond zonder vereischte vergunning
Searp Piters Anema wurdt tagelyk mei syn skoanheit Jelle Anes Jukema te Easterbierrum en sweager Ane Jelles Jukema te Seisbierrum, feroardiele ta f 10,00 boete en ien dei finzenisstraf en beteljen fan ’e proseskosten, fanwegen ‘Uitoefening van lange Jagt met een windhond zonder vereischte vergunning’; Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert, ynvintarisnr 89, aktenr 7731, 8-3-1865.

§ Jelle Anes Jukema de strykjildskriuwer
>Jelle keapet
-op 6-10-1845 fan Yfke Sikkes van der Mey, troud mei Simon Gerrits Dijkstra te Easterbierrum, in hûs c,a.; keapsom: f 1,875,00; notaris: Isaac Telting te Frjentsjer; Repertoire: 041035
-op 15-5-1851 fan Klaas Arjens Hiemstra te Easterbierrum, boulân te Easterbierrum; keapsom: f 3.000,00; notaris: Gijsbertus Schot te Frjentsjer; Repertoire: 041086

-op 19-12-1853 fan Aafke Jacobs Burggraaf, troud mei Thomas Jans Bakker te Tsjom, in perseel boulân te Easterbierrum; keapsom: f 1.400,00; notaris: Albert Witholt te Seisbierrum; Repertoire: 117028
-op 11-2-1854 fan Samuel Steenmeijer te Seisbierrum, in perseel greide te Easterbierrum; keapsom: f 1.104,00; selde notaris
op 7-9-1854 fan Rinnert Daniels la Fleur, troud mei Aaltje Johannes Gerkema te Doanjum, in perseel boulân te Easterbierrum; keapsom: f 2.100,00; selde notaris
-op 10-1-1855 fan Bottje Harmens Steinfort, widdo fan Jelle Louws Fopma te Harns, in perseel boulân te Easterbierrum; keapsom: f 1.400,00; selde notaris
-op 7-1-1856 yn ’e mande mei syn skoanheit Pieter Seerps Anema bouboer te Doanjum, fan Wilhelmina Geertruida van Beyma, troud mei Johan Hora Adema te Hurdegaryp, njoggen perselen bou en greide te Seisbierrum; notaris: Zytse Sybouts de Haan te Ljouwert; Repertoire: 082090
-op 15-11-1856 fan Jelle Fopma Bonnema te Tsjummearum, Oepke Haitzes Bonnema te New Amsterdam, Wisconsin, en Harmen Haitzes Bonnema te Kimswert, de sate en lân, stjelp en skuorre nr 132 yn 28 perselen en de perselen nrs 1 o/m 21 te Easterbierrum; keapsom: f 26.126,00; notaris Albert Witholt

-op 4-12-1858 fan Pieter Pieters Goodijk te Seisbierrum, it hûs nr 113 mei tún c.a. en mei-inoar seis perselen bou en greide te Seisbierrum; selde notaris
-op 7-1-1860 fan Pieter Hayes Blanksma te Tsjummearum, greide te Seisbierrum; keapsom: f 1.218,00; noaris Gijsbertus Schot
-op 21-2-1860 fan ’e erven Dirk Lautenbach te Harns, in perseel boulân oan ’e Slachtedyk ûnder Seisbierrum; keapsom: f 923,00; selde notaris
-op 28-12-1860 fan Dirk Jans Hibma te Easterbierrum, in hûs mei skuorke, stalling en tún te Easterbierrum; keapsom: f 1.000,00; selde notaris

-op 17-1-1863 fan Sijbe Thysses Houtsma te Easterbierrum, boulân te Easterbierrum; keapsom: f 925,00; notaris: Gijsbertus Schot te Frjentsjer; Repertoire: 041086
-op 5-4-1862 fan Jacob Jacobs Burggraaf te Easterbierrum in perseel boulân te Easterbierrum; keapsom: f1.200,00; selde notaris

-op 15-10-1870 fan Neeltje Nammens Nammensma te Seisbierrum, in hûs mei hiem en tún te Easterbierrum; keapsom: 2.030,00; selde notaris
-op 15-9-1877 fan Harke Klazes de Boer, troud mei Sytske Thomas Hilverda te Tsjom, de helte fan in sate en lân te Tsjom; keapsom: f 44.907,00; selde notaris
>Jelle hiert
-op 13-10-1866 fan Pieter Pieters Koopmans te Winaam, 17 perselen boulân foar 1 jier; selde notaris

>Jelle ferkeapet, ûnder oaren:
-op 6-11-1841 yn ’e mande mei syn suster Tryntsje, beide te Seisbierrum, fee; opbringst: f 445,00; notaris: Pieter Steensma te Minnertsgea; Repertoire: 105024
-op 26-4-1842 yn ’e mande mei syn suster Tryntsje, beide te Seisbierrum, in boelguod; opbringst: f 963,00; selde notaris
-op 18-8-1849 fôltsjes; opbringst: f 2.134,00; selde notaris
-op 18-8-1849 fee; opbringst: f 2.134,00; notaris: Pieter Steensma te Minnertsgea; Repertoire: 105024
-op 26-9-1849 fee; opbringst: f 1.172,00; selde notaris

-op 10-11-1849 oan Johannes Jans Hibma op Kleaster Lidlum, fee; opbringst: f 2.213,00; selde notaris
-op 15-11-1853 oan Harmen van Dijk te Seisbierrum, it hûs en hiem nr 17 te Seisbierrum; keapsom: f 1.000,00; notaris: Albert Witholt
te Seisbierrum; Repertoire: 117028
-op 7-11-1855 oan Jouke Attes Hibma te Seisbierrum, in perseel greide te Seisbierrum; keapsom: f 6.600,00; selde notaris
-op 28-2-1859 oan Dirk Minks Bouma te Seisbierrum, in perseel boulân te Seisbierrum; keapsom: f 500,00; selde notaris
-op 17-3-1860 boelguod; opbringst: f 2.324,00; notaris: Gijsbertus Schot
-op 20-9-1867 oan Jacob Jans Burggraaf te Easterbierrum, in hûs en skuorke mei tún en hiem te Easterbierrum; keapsom: f 1.500,00; selde notaris

-op 18-1-1869 oan syn skoanheit Pieter Seerps Anema te Doanjum, twa perselen lân te Kleaster Lidlum; keapsom: f 2.748,00; notaris: Addick Adrianus Land te Frjentsjer; Repertoire: 040088
>Jelle hat skulden
-op 8-9-1851 by Bottje Harmens Steinfort, widdo fan Jelle Louws Fopma te Harns; skuld: f 2.000,00; notaris: Pieter Steensma te Minnertsgea; Repertoire: 105024
-op 4-5-1857 by Theodorus Marius Theresius Looxma te Oentsjerk; skuld: f 15.000,00; notaris Albert Witholt
>Jelle hiert op 10-10-1857 fan Eeltje Hiddes Halbertsma, dokter en dichter te Grou, boulân te Easterbierrum; hiersom: f 60,00 yn ’t jier; selde notaris

>Jelle ruilet op 11-12-1861 mei Gerrit Jans Koudenburg te Seisbierrum in hûs mei hiem en in stik boulân te Seisbierrum tsjin in wenhûs mei stalling dêr; weardeferskil: f 2.200,00; selde notaris

GENERAASJE VII
VII Ane Jelles Jukema * Easterbierrum 1-3-1838 † dêr 8-9-1893, 55 jier, [] Easterbierrum; bouboer, sûnt 26-2-1870 te Seisbierrum op nr 135, letter nr 271; sûnt Alde Maaie 1891 bouboer te Easterbierrum (nrs 129, 135); sûnt 10-11-1900 op nr 135, letter nrs 142, 151; by ferstjerren keapman te Easterbierrum;
x Barradiel 5-5-1858, 20 en 21 jier, Jetske Pieters Anema * Doanjum 5-4-1837 † Easterbierrum 21-7-1914, 71 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Doanjum; boerinne te Seisbierrum en Easterbierrum; yn 1896 dêr sûnder berop; yn 1901, 1903 dêr wer neamd as boerinne; suster fan Seerp Pieters Anema x har skoansuster Jetske Jelles Jukema (VI.2); dr fan Pieter Seerps Anema en Saakje Gerlofs Heslinga, bouboeren te Doanjum
Bern:
1 Jelle Anes Jukema, folget VIII.1
2 Pieter Anes Jukema, folget VIII.2
3 Bote Anes Jukema * Seisbierrum 1-8-1863 † dêr 19-4-1866, 2 jier
4 Seerp Anes Jukema, folget VIII.3
5 Bote Anes Jukema, folget VIII.4
6 Gerlof Anes Jukema * Seisbierrum 17-10-1868 † Easterbierrum 28-1-1938, 69 jier, [] Easterbierrum; ferfart út Easterbierrum op 9-10-1886 nei Doetinchen, gemeente Hummelo en Keppel, Gelderlân, dêr sûnder berop, Gerlof wurdt op 15-3-1888 oanwiisd ta de militêre tsjinst, hy wennet dan te Doetinchem; komt dêrwei op 17-9-1890 as kommensaal by syn muoike en omke Pietertje Pieters Anema en Yke Watzes Kaastra, keapman yn ’e Skrâns ûnder Huzum (nrs 312, D52); ferhuzet dêrwei op 6-11-1891 nei Den Haach; komt op 21-3-1894 op ’e pleats by syn âlden; ferhuzet dêrwei op 28-12-1893 wer nei Den Haach, komt wer op ’e pleats en ferfart dêrwei op 17-2-1897 nei La Fourmie, Frankryk; komt op 1-1-1900 wer te Easterbierrum by syn âldelju; ferfart op ’e nij nei La Fourmie; bouboer te Easterbierrum (nrs 151, 154), hiert yn 1911, ’28 dêr lân; by ferstjerren dêr sûnder berop
Gerlof ferhierd op 19-12-1914 yn ’e mande mei syn broer Ane te Easterbierrum oan Pieter en Klaas Norder te Seisbierrum en oan Jan Winsemius en Tjeerd Zwart, beide te Easterbierrum, boulân; hiersom f 385,00; notaris: Anne Tadema te St.-Jabik; Repertoire: 066052
Gerlof ferkeapet op 7-12-1935 yn ’e mande mei syn broer Ane te Easterbierrum oan broer Searp te Winaam, ‘Diversen’; keapsom: f 4.724,63; notaris: Sybe Okkinga te Harns; Repertoire: 049166
7 Jouke Anes Jukema, folget VIII.6
8 Tietje Anes Jukema * Seisbierrum 12-1-1871 † Ljouwert 11-4-1935, 64 jier, [] Easterbierrum, yn it grêf fan har earste man; wennet sûnt Alde Maaie 1891 yn by har broer Sjerp, ferfart dêrwei op 28-2-1901 nei Pæzens; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, even earder te Pæzens; nei har trouwen bouboerinne te Easterbierrum;
x Barradiel 9-4-1909, 23 en 21 jier, Pieter Gerrits Wijngaarden * Easterbierrum 14-3-1874 † Seisbierrum 17-9-1941, 67 jier, [] Easterbierrum, yn it grêf fan syn pake en beppe Johannes Gerrits Wijngaarden en Ysaakje Rientses van Wijngaarden; by trouwen bouboer te Easterbierrum; muoikesizzer fan Aukje Johannes Wijngaarden (IX.2); sn fan Gerrit Johannes Wijngaarden en Sjoukje Pieters Hiemstra, bouboeren te Easterbierrum
Sjoch: Parenteel Eeltje Sikkes – VI-5-43
9 Saakje Anes Jukema * Seisbierrum 3-8-1872 † Skingen 26-6-1925, 53 jier, [] Easterbierrum; by earste boask sûnder berop te Winaam, by twadde idem te Frjentsjer;
x 1 Barradiel 9-4-1896, 23 en 21 jier, Pieter Jans Koopmans * Winaam 26-7-1874 † Ljouwert 3-4-1909, 34 jier; by trouwen en dêrnei bouboer te Winaam (83, 93); sûnt Alde Maaie 1897 idem te Seisbierrum (282, 336); sn fan Jan Pieters Koopmans en Ytje Gerlofs Terpstra, yn 1896 bouboeren te Winaam (37a, 91, 101), sûnt 9-5-1903 rinteniers te Huzum;
x 2 Frjentsjer 29-10-1919, 47 en 45 jier, Sybe Botes Houtsma * Easterbierrum 26-1-1874 † Skingen 5-2-1926, 52 jier, [] Easterbierrum; bouboer te Easterbierrum; by twadde houlik idem te Skingen; broer fan Thys x Jetske Boates Jukema (VIII.5.4) en fan Jehannes Boates Houtsma x Sibbeltsje Boates Jukema (VIII.5.2); sn fan Bote Sybes Houtsma, sûnt 1-7-1881 kastlein te Easterbierrum (169, 181); yn 1910, ’36 dêr bouboer (nrs 181, 192, 92b, 104), yn 1914 dêr gernier, en Jantje Melles Stellingwerf, kastleinske en bouboerinne te Easterbierrum;
Sybe x 1 Barradiel 23-5-1896 Wytske Johannes Herrema * Tsjummearum 3-7-1875 † Easterbierrum 14-8-1908, 33 jier; bouboerinne te Easterbierrum; dr fan Johannes Gerrits Herrema en Dieuwke Tjerks Post
10 Johannes Anes Jukema, folget VIII.7
11 Ane Jelles Anes Jukema, folget VIII.8

Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Ane Jelles Jukema en Jetske Piters Anema.
Mem Tytsje Sylstra is net oanwêzich
Leeuwarder Courant, 11, 12 en 15-9-1893.
Lju dy’t modder oan ’e kloet hienen, koenen har permitteare om in rou-advertinsje sette te litten. Hoe mear sinten, hoe mear advertinsjes.

§ Jukema mei Houtsma
It leit foar de hân dat guon famyljes wakker yninoar omtrouwe. Oarsaken:
-it boask giet oan yn deselde geloofsrjochting, Nederlâns Herfoarmd trout mei dito; itselde jildt foar frijsinnich en rjochtsinnich yn deselde denominaasje
;
-nei de Ofskieding fan 1834 en de Doleânsje fan 1892 is dat net oars: in otterdoks herfoarmde giet beslist net yn ’e lange hier mei in grifformearde;
-men troud neffens stân: boer mei boer, arbeider mei arbeider, middenstanner mei midderstanner
-it wengebiet fan boeren is betiden beheind, it kin wêze dat se se har hele leven op ’e selde pleats buorkje – in houlikskandidaat leit binnen de eigen libbenssfear, deselde omkrite, it bewende doarp.

Foar arbeiders is dat gauris heel oars, sjoch as foarbyld Jan Hayes Westra en Durkje Klazes Faber, de âlden fan Trijntje troud mei Seerp Anes Jukema (VIII.4).
Foarbylden fan soart siket soart binne houliken fan Jukema’s mei Houtsma’s:
>Saakje Anes Jukema (VII.9) har twadde man is Sybe Boates Houtsma;

Saakje har muoikesizzers Sibbeltsje en Jetske trouwe mei bruorren fan har man:
>Sibbeltsje Boates Jukema (VIII.5.2) is troud mei Jehannes Boates Houtsma, en
>Jetske Boates Jukema (VIII.5.4) mei broer Thys Boates Houtsma.

Nely Nammensma, trout mei Ane Jelles Jukema (X), har mem is Pitertsje Jehannes Houtsma.

GENERAASJE VIII
VIII.1 Jelle Anes Jukema * Seisbierrum 13-3-1859 † Frjentsjer 29-4-1934, 75 jier [] Mullum; NH, letter GT; wennet as jonge mei syn suster Tytsje by har pake-en-beppe Jelle Anes Anema en Tytsy Sylstra te Easterbierrum; bouboer te Easterbierrum, sûnt 20/25-4-1885 idem te Mullum (hûsnr 17; op dy pleats buorkje foar him fan 1-11-1865 oant 18-4-1885: Mattys Thysses Bakker en Aaltje Rientses Leeman, nrs 15, letter 17; sjoch: Kertiersteat Jelle en Jantsje Post – nrs 22 en 23); ferfart dêrwei op 26-4-1913 nei Frjentsjer, dêr sûnder berop;
x 1 Barradiel 13-5-1885, 26 en 20 jier, Froukje Hayes Nauta * Pitersbierrum 30-5-1864 † Mullum 31-8-1888, 24 jier; NH, letter GT; by trouwen sûnder berop te Pitersbierrum, sûnt bouboerinne te Mullum; dr fan Haye Durks Nauta (NH), bouboer te Achlum, en Dirkjen Alberts Witholt (KG), sûnt Alde Maaie 1860 bouboeren te Pitersbierrum (nrs 16K, 29, 19)
x 2 Barradiel 21-11-1889, 30 en 23 jier, Geiske Wybes Kroon * Pitersbierrum 31-8-1866 † Frjentsjer 16-6-1942, 74 jier [] Mullum; DG; by trouwen sûnder berop te Mullum, by ferstjerren idem te Frjentsjer; dr fan Wybe Jelles Kroon (NH), yn 1865 ûnder-strânmaster te Penjum, sûnt Alde Maaie 1865 strânmaster te Mullum (nr 3k); sûnt 16-4-1868 te Surch, sûnt Alde Maaie 1869 timmerman te Mullum (nr 12) en Trijntje Simons Bakker (DG)
Yn notariële akten, bygelyks yn in keapte yn 1906, sjoch hjirûnder, wurdt Ane Juckema neamd – of: lit Ane him as Juckema te boek stelle, yn in akte yn 1913 is it wer Jukema; soan Ane neamd him letter allyksa Juckema, syn stichting draacht de namme ek mei in tafûge c.
-Ane keapet op 3-1-1906 fan Riemer de Ruiter te Harns, greide te Almenum; keapsom: f 2.545,00; notaris: Sybe Okkinga te Harns; Repertoire: 049120
-Ane keapet op 24-11-1913 fan Dirk Sybes van der Berg te Frjentsjer, in hûs te Frjentsjer; keapsom: f 4.400,00; notaris: Sijbren Posthumus te Frjentsjer; Repertoire: 040113
Bern út it earste boask:
1 Ane Jelles Jukema * Mullum 23-5-1886 † Ljouwert 19-5-1971, 86 jier, [] Seisbierrum; GT; ferfart 4-9-1901 út Mullum nei Ljouwert; komt 21-12 1912 dêrwei yn Mullum, Ane is dan notarisklerk; ferhuzet wer nei Ljouwert op 6-4-1905; komt op 29-9-1908 út Den Haach wer te Mullum, Ane is dan kandidaat notaris; ferfart 7-1-1910 wer nei Den Haach; sûnt 1928 notaris te Warkum; yn 1941 krijt er in reprimande foar syn misdragingen, syn notarieel affearen komt ûnder tafersjoch te stean fanwegen syn malversaasjes, yn 1944 folget ûntslach; sûnt 1944 rinteniert er mei syn frou oan ’e Troelstrawei te Ljouwert (yn it hûs fan syn skoanâlden); stichter fan ’e Stichting Juckema-Sideriusfonds.
Sjoch:
-Kees Kuiken, Van Aartsma tot Zwalua, Deel 2, Bildts Aigene (bildtsaigene.nl) – 79 Elske Siderius
-foar foto’s: Juckema-Sideriusfonds
x Ljouwert 11-2-1943, 57 en 48 jier, Elske Andries Siderius * St.-Jabik 23-3-1895 † Ljouwert 22-10-1967, 72 jier, [] Seisbierrum, yn it grêf fan har skoanmem; NH; dr fan Andries Meinderts Siderius en Adriaantje Wybes Kramer, bouboeren ûnder St.-Jabik, û.o. oan it Westeand (nrs 157, 145, 220), sûnt 23-4-1927 rinteniers oan ’e Stienzerwei 16 (letter nammeferoaring yn P.J. Troelstrawei) te Ljouwert; Andrys en Jaantsy binne neef en nicht: de memmen Aaltsy en Amerins Andries van der Laan binne susters

Wapen Juckema-Siderius


Bern út it twadde houlik:
2 Catharina Jelles Jukema * Mullum 22-9-1890 † Frjentsjer 3-9-1951, 60 jier, [] Mullum; GT, letter DG; ferfart mei har âlden yn 1913 nei Frjentsjer; dêr sûnder berop; sûnt har trouwen bouboerinne te Winaam, ferfart dêrwei op 10-3-1933 nei Frjentsjer;
x Frjentsjer 7-3-1916, beide 25 jier, skieden fûnis Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 15-3-1945, ynskreaun Frjentsjer 6-8-1945, Pieter Sybes Deinema * Winaam 28-1-1891 † Kollum 17-10-1952, 61 jier, [] Easterbierrum; NH, letter GT; ferhuzet as wees op 1-12-1908 út Winaam nei Huzum; by trouwen en yn 1921 bouboer te Winaam (nrs 134, 163, 160, 170), letter te Kleaster Lidlum (nr 3); by ferstjerren sûnder berop te Kollum; sn fan Sybe Gerrits Deinema en Hittje Pieters Hiemstra, bouboeren te St.-Jabik, sûnt 1-4-1886 te Winaam (120, 134, 163), dêrnei te Tsjummearum.
Bern:
1 Sybe Deinema * Winaam 23-2-1917 † Kleaster Lidlum 25-7-1952, 35 jier; DG; bouboer, ferfart 20-6-1938 nei Slootdorp, Wieringermar (Slootweg E9), komt dêrwei op 3-11-1938 yn Frjentsjer, ferfart dêrwei op 26-7-1939 nei Middenmeer (Wagenpad N56), by trouwen dêr bouboer, by ferstjerren idem op Kleaster Lidlum; x Barradiel 13-7-1940 Renske de Valk;
2 Geiske Jantje Deinema * Winaam 2-3-1921 † 14-12-1991, 70 jier, [] Assen, De Boskamp, Boskamp 3, Assen, 1792-IIU51; DG; komt op 28-6-1932 út Winaam yn Frjentsjer (sûnt 10-3-1933: Anna Maria van Schuurmanwei 33);
x Jacob Freerk van den Bosch * Grins 18-6-1917 † 28-8-2002, 85 jier, [] Assen, De Boskamp, Boskamp 3, Assen, 1792-IIU51; sn fan Fedde Ferdinand van den Bosch en Margiena Smit, boeren te Appelskea
3 Jetske Jelles Jukema * Mullum 6-6-1893 † Frjentsjer 9-3-1969, 75 jier [] Mullum; GT; ferfart mei har âldelju yn 1913 nei Frjentsjer, dêr sûnder berop
4 Wiebe Jelles Jukema (ek: Wijbe, Wybe; by de berte ynskreaun as Wiebe) * Mullum 13-11-1906 † Swolle 24-1-1991, 84 jier; GT; ferfart mei syn âldelju yn 1913 nei Frjentsjer; wennet 6-8-1928 te Den Haach (Nicolaistraat 82), is dêr kantoarfeint; ferfart dêrwei op 27-9-1928 nei Genua, Italië; mooglik wennet er yn 1934 te Nijmegen

§ Fan Nederlâns Herfoarmd nei ûntsjerklik
De earst bekende foarfaar yn manlike lijn – Tieerd Jelles, bakker te Easterbierrum – is doopsgesind. Soan Jelle, dêr bakker en boer, is Grifformeard, dat is de beneaming fan doe foar Nederlâns Herfoarmd. Jelle is ek al tsjerkfâd. Syn dochters Wytske en Botsy wurde dêr lykwols op belidenis grut doopt (sjoch: § Jukema, Donia en Nammensma stamme út itselde skaai) .

Oer it generaal binne de Jukema’s yn dit laach otterdoks Herformd. Yn Easterbierum binne de herfoarmden meast rjochtsinnich.
Opmerklik is dat Jelle Anes Jukema (VIII.1
) him útskriuwe lit en tenei as bûtentsjerklik te boek stiet. Syn earste frou allyksa, syn twadde is en bliuwt doopsgesind.
Apart boppedat omdat ûndersteande rouadvertinsje fan otterdokse sinjatuer is. Soks kin, ek sûnder belidend lid te wêzen fan ’e Herformde Tsjerke. Of soenen Froukje en Jelle letteroan wer tsjerkelid wurden wêze? Dat is yn ’e Boargerlike Stân oan no ta net fûn.
Soan Ane – de notaris – is allyksa bûtentsjerklik; syn healsuster Jetske en -broer Wiebe ek; Catharina dêrfoaroer wurdt fan bûtentsjerklik minnist, lykas har mem.

Leeuwarder Courant, 3 en 7-9-1888

VIII.2 Pieter Anes Jukema * Seisbierrum 26-9-1860 † Frjentsjer 14-11-1935, 75 jier, [] Easterbierrum; NH; by trouwen bouboer te Seisbierrum op nr 267, sûnt 1-11-1900 op nr 280; sûnt Alde Maaie 1901 op Kleaster Lidlum op nr 10; ferhuzet op 4-5-1920 dêrwei mei syn frou nei Frjentsjer; by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Barradiel 16-5-1889, 28 en 27 jier, Akke Pieters Tiemersma * Wommels 3-5-1862 † Frjentsjer 21-8-1948, 86 jier, [] Easterbierrum; NH; by trouwen sûnder berop te Wommels, dêrwei ynskreaun te Seisbierrum op 12-7-1889, dêr bouboerinne; sûnt 1901 op Kleaster Lidlum; sûnt 1920 oant har ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer; dr fan Pieter Jans Tiemersma, keapman te Wommels (hûsnrs 153, 203, 275), en Grietje Egberts van der Zee
Sjoch: Derk Jordaan, Van Timersma tot Tiemersma VII-C
Piter wurdt op 18-3-1880 keurd foar de militêre tsjinst en frijsteld fanwegen bruorretsjinst.
Sinjalemint: 1 meter, 638 mm; Aangezigt: ovaal; Oogen: grijs; Neus: spits; Mond: ord (inair)=gewoan; Voorhoofd: hoog; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id(em); Merkbare teekenen: geene.

Bern:
1 Grietje Pieters Jukema * Seisbierrum 9-2-1892 † 30-9-1972, 80 jier, [] Easthim; by trouwen sûnder berop op Kleaster Lidlum; wurdt mei har man op 24-5-1918 út Easterbierrum wei ynskreaun te Assen (Kruisstraat 24); op 4-9-1918 út Easterbierrum idem te Den Haach (Van Brakelstraat 63); dûmenys mefrou te Dinxperlo en Easthim;
x Barradiel 30-12-1915, 23 en 26 jier, Jan Geerts Steenhuizen * Aldwâld 10-9-1889 † Easthim 11-12-1953, 64 jier, [] Easthim; by trouwen ûnderwizer te Grins; Nederlânsk Herfoarmd dûmeny te Dinxperlo, sûnt 12-10-1947 oant syn ferstjerren te Easthim; sn fan Geert Jans Steenhuizen, yn 1888 sûnder berop te Westergeast, yn 1889 idem te Aldwâld, yn 1895, ’97 dêr winkelman, yn 1915 notarisklerk te Kollum, en Antje Alberts Roorda, yn 1897 winkelfrou te Aldwâld
2 Jetske Pieters Jukema
* Seisbierrum 7-6-1890 † St.-Jabik 27-3-1983, 92 jier, [] Easterbierrum; ferfart út Seisbierrum nei Easterbierrum; by trouwen sûnder berop op Kleaster Lidlum; dêrnei bouboerinne te Easterbierrum, sûnt 1925 op Uylenburgh state oan ’e Kouweweg ûnder St.-Jabik;
x Barradiel 25-5-1915, 24 en 25 jier, Pieter Anes Marra * Easterbierrum 1882 † St.-Jabik 29-8-1972, 82 jier, [] Easterbierrum; by trouwen bouboer te Easterbierrum; sûnt 1925 op Uylenburgh; sn fan Ane Pieters Marra, yn1882 keapman te Easterbierum, yn 1882 dêr skipper, yn 1889 dêr koaltsjer (ferbouwer fan koal), sûnt omstrings 1893 dêr bouboer, en Tjerkje Martens Herrema
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Marra

VIII.4 Seerp Anes Jukema * Seisbierrum 28-8-1865 † Winaam 19-2-1941, 75 jier, [] Easterbierrum; NH; sûnt Alde Maaie 1891 te Seisbierrum op nr 271, letter nr 313, syn suster Tytsje en broer Jouke wenje dêr by him yn; sûnt Alde Maaie 1893 bouboer te Winaam (nr 83), syn suster Saakje wennet dan by him yn; sûnt 9-4-1896 – de troudei fan suster Saakje en Piter Koopmans – bouboer op ’e selde pleats (nr 83, letter 93), mar Searp wennet dan sels oarsom yn by suster Saakje en sweager Piter; sûnt 10-11-1900 oant syn ferstjerren mei 75 jier bouboer te Winaam (93, 116, 109, 95);
x Barradiel 8-6-1901, 35 en 22 jier, op houlikse betingsten, Trijntje Jans Westra * Minnertsgea 27-6-1878 † 11-12-1972, 94 jier, [] Easterbierum; NH; by trouwen sûnder berop te Boer; wurdt op 8-6-1901 út Boer oerskreaun nei Winaam, sûnt dêr bouboerinne; dr fan Jan Haijes Westra, yn 1876 arbeider op Kleaster Lidlum, sûnt 22-2-1877 koaltsjer te Minnertsgea (175, 362), yn 1878 dêr arbeider, sûnt 1-7-1881 dêr wer koaltsjer (nr 362), yn 1883 arbeider op Kleaster Lidlum, sûnt Alde Maaie 1883 arbeider te Tsjummearum (nr 311), yn 1885 wer arbeider op Kleaster Lidlum, yn 1890 idem te Almenum, sûnt Alde Maaie 1890 idem te Pitersbierrum, yn 1892 idem te Tsjummearum, sûnt Alde maaie 1894 wer te Almenum, sûnt Alde Maaie 1900 idem te Boer, by syn ferstjerren yn 1909 dêr fjildarbeider, en Dirkje Klazes Faber, by trouwen yn 1876 faam te Winaam, wennet dêr as widdo sûnt 24-5-1909 wer (Durkje kin by trouwen fan Tryntsje yn 1901 net skriuwe)
-Searp keapet op 7-12-1935 fan syn bruorren Gerlof en Ane Jelle Jelles Jukema, beide te Easterbierrum, ûnreplik guod te Easterbierrum; keapsom: f 4.724,63; notaris: Sybe Okkinga te Harns; Repertoire: 049166
Bern:
1 Ane Seerps Jukema
, folget IX.1
2 Jan Seerps Jukema, folget IX.2
3 Dirkje Seerps Jukema * Winaam 5-8-1905 † Minnertsgea 28-5-1998, 93 jier, [] Minnertsga, rige 35, nr 27; NH; by trouwen sûnder berop te Winaam; bouboerinne te Mullum en Minnertsgea;
x Barradiel 25-4-1929, 23 en 29 jier, Klaas Sjoerds van der Schaar * Stiens 10-8-1899 † Ljouwert, wenjend te Minnertsgea, 25-11-1964, 65 jier, [] Minnertsgea, rigel 35, nr 27; by trouwen bouboer te Mullum; letter te Minnertsgea; by ferstjerren dêr sûnder berop; neef fan Petrus (VII.4.5); sn fan Sjoerd Sybrens van der Schaar en Froukje Klazes Wassenaar, sûnt 21-5-1896 bouboeren te Stiens, yn 1923 te Oranjewâld, sûnt 24-4-1923 te Mullum (nr 14)
4 Jelle Seerps Jukema, folget IX.3
5 Jetske Seerps Jukema * Winaam 1-11-1911 † 9-11-1986, 75 jier, [] Tsjummearum; NH; by trouwen sûnder berop te Winaam;
x Barradiel 4-4-1940, 28 en 25 jier, Petrus Adrianus van der Schaar * Tsjummearum 2-4-1915 † 26-11-1972, 57 jier, [] Tsjummearum; by trouwen bouboer te Tsjummearum; neef fan Klaas (VII.4.3); sn fan Sybe Sybrens van der Schaar en Tettje Neno Burhovens Viëtor, bouboeren te Tsjummearum (266, 336, 337, 280), sûnt 12-3-1940 te Frjentsjer (J. Stapertleane 4)
6 Haije Seerps Jukema, folget IX.4

VIII.5 Bote Anes Jukema * Seisbierrum 1-8-1867 † Easterbierrum 6-9-1904, 37 jier, [] Easterbierrum, yn it gra6ef fan ; by trouwen boer te Easterbierrum, wenjend te Seisbierrum; omstrings 1881 bouboer te Easterbierrum, yn 1888 dêr keapman te Easterbierrum (143, 128, 134, 141, 150);
x Barradiel 23-11-1887, 20 en 25 jier, op houlikse betingsten, Pietertje Martens Herrema * Easterbierrum 25-10-1862 † dêr 23-10-1920, krapoan 58 jier; by trouwen faam te Easterbierrum; dêrnei dêr bouboerinne, as widdo dêr gernierske (1918), letter sûnder berop; dr fan Marten Pieters Herrema, arbeider te Easterbierrum (22, 21, 42), en Jetske Jans Hilwerda (Jetske kin by har boaskjen yn 1847 en by trouwen fan har soan Piter yn 1872 en idem by it trouwen fan Pitertsje net skriuwe).
-Boate keapet op 4-12-1888 fan Sjoerd Johannes Zijlstra te Easterbierrum, ûnderskate perselen lân te Easterbierrum; keapsom: f 2.732,00; notaris: Siemon Mossel te St.-Jabik; Repertoire: 066021
Bern:
1 Ane Botes Jukema, folget IX.5
2 Sibbeltje Botes Jukema * Easterbierrum 28-3-1890 † Easterbierrum 22-1-1958, 67 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; dêrnei dêr gernierske en bouboerinne;
x Barradiel 14-5-1914, beide 24 jier, Johannes Botes Houtsma * Easterbierrum 24-2-1890 † Easterbierrum 25-9-1958, 68 jier, [] Easterbierrum; by trouwen arbeider te Easterbierrum; dêr gernier (1915, op nr 188) en bouboer (nrs 195, 196, 199); by ferstjerren dêr sûnder berop; broer fan Sybe x Saakje Jukema (VII.9) en Thys x Jetske Boates Jukema (VIII.5.4); fan Bote Sybes Houtsma en Jantje Melles Stellingwerf
3 Marten Botes Jukema * Easterbierrum 16-7-1892 † dêr 9-12-1893, 1 jier
4 Jetske Botes Jukema * Easterbierrum 1-4-1894 † St.-Jabik 26-7-1975, 81 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum, dêrnei dêr bouboerinne en sûnt 1933 te St.-Jabik;
x Barradiel 20-7-1916, 22 en 28 jier, Thijs Botes Houtsma * Easterbierrum 30-4-1888 † St.-Jabik 25-7-1965, 77 jier, [] Easterbierrum; by trouwen en dêrnei bouboer te Easterbierrum (192, 199); sûnt 10-5-1933 idem te St.-Jabik (495); broer fan Sybe x Saakje Anes Jukema (VII.9) en fan Jehannes Boates Houtsma x Sibbeltsje Boates Jukema (VIII.5.2); sn fan Bote Sybes Houtsma en Jantje Melles Stellingwerf
5 Marten Botes Jukema, folget IX.6
6 Tjerkje Botes Jukema * Easterbierrum 9-8-1897 † 4-7-1972, 4 jier, [] Minnertsgea; wennet by har broer Marten-en-dy op ’e pleats te Easterbierrum (nr 150); ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1923 nei Tjeerd Janzen, bouboer te Seisbierrum (360) en is dêr húshâldster; wennet sûnt Alde Maaie 1926 yn by har suster Sibbeltsje-en-dy op ’e pleats te Easterbierrum; wurdt dêrwei oerskreaun op 11-8-1928 nei Menaam, by trouwen sûnder berop; dêrnei gernierske te Menaam;
x Barradiel 23-5-1928, 30 en 27 jier, Jan Wytses Grijpma * Menaam 15-1-1901 † 1-1-1986, 84 jier, [] Minnertsgea; foar syn houlik gernierket Jan yn ’e mande mei syn mem te Menaam (44), sûnt syn trouwen eigen gernier te Menaam (op nr 41, sûnt Alde Maaie 1928 nr 31D); sn fan Wytse Rinses Grijpma en Gooikje Hettes Douma, gerniers te Menaam (44)
7 Deaberne famke *-† Easterbierrum 9-10-1899
8 Deaberne jonkje *-† Easterbierrum 11-8-1901
9 Pieter Botes Jukema * Easterbierrum 20-9-1902 † Easterbierrum 18-11-1918, 16 jier, [] Easterbierrum; by ferstjerren gernier te Easterbierrum
10 Bote Botes Jukema, folget IX.7

§ Analfabetisme yn ’e Klaaiboustreek
Pitertsje Herrema har mem, Jetske Jans Hilwerda, kin by har boaskjen yn 1847 en by trouwen fan har soan Piter yn 1872 en idem by it trouwen fan Pitertsje net skriuwe:
op de verklaring des Comparants moeder dat zij konde schrijven noch teekenen als hebbende zulks niet geleerd.
Analfabetisme komt yn ’e 19e iu ek op ’e Klaaiboustreek foar, benammen by arbeiders, de bern moasten jong op it lân mei-arbeidzje en gongen amper of net nei skoalle.
Jetske Hilwerda is in boeredochter, dat it is opmerklik dat hja ek gjin skriuwen leard hat.

Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Boate Jelles Jukema en Pitertje Martens Herrema se brûke beide it patronym – de namme fan har heit – net: Jelles en Martens.

VIII.6 Jouke Anes Jukema * Seisbierrum 19-12-1869 † Driebergen 5-2-1955, 85 jier; by trouwen bouboer te Seisbierrum (313, 363), sûnt Alde Maaie 1915 bouboer te Easterbierrrum (142a, 152), sûnt 1918 [?] dêr sûnder berop (hûsnr 155); ferfart mei Jeannette op 24-4-1934 nei Amsterdam (Van Eeghenstraat I 17h);
x Barradiel 22-3-1900, 30 en 24 jier, Jeannetta van Vaals * Easterbierrum 30-10-1875; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; dr fan Hermanus van Vaals, yn 1866, ’70 hússkilder, yn 1865, ’75 ferver te Easterbierrum, en Ietje Douwes Postma (ek: Ytje)
Jouke wurdt op 13-3-1889 keurd foar de militêre tsjinst en frijsteld fanwegen bruorretsjinst.
Sinjalemint: 1 meter, 667 mm; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: ord(inair)=gewoan; Oogen: blaauw; Neus: spits; Mond: ord (inair)=gewoan; Kin: id(em); Haar: blond; Wenkbraauwen: id(em); Merkbare teekenen: geene.
Gebreken: oogen.
-Jouke keapet op 25-10-1909 fan Hermanus Pieters van Vaals te Frjentsjer, in hûs en hiem te Seisbierrum; keapsom: f 1.900,00; notaris: Anne Tadema te St.-Jabik; Repertoire: 066052
-Jouke keapet op 18-2-1915 fan Gerlof Anes Jukema en Ane Jelle Jukema, beide te Easterbierrum, in bouterrein te Easterbierrum; keapsom: f 1.732,00; selde notaris
-Jouke ferkeapet op ’e selde dei oan syn suster Saakje Anes Jukema, widdo fan Pieter Jans Koopmans te Easterbierrum, in hûs mei hiem; keapsom: f 2.500,00; selde notaris
-Jouke keapet op 12-4-1915 fan Ane Botes Jukema te Easterbierrum,in perseel greide te Seisbierrum; keapsom: f 2.800,00; selde notaris

Bern:
1 Ietje Joukes Jukema
* Seisbierrum 13-4-1901; by trouwen sûnder berop te Easterbierrum; wurdt op 16-4-1931 dêrwei oerskreaun nei Amsterdam (Jac. Obrechtstraat 27b)
x Barradiel 26-2-1931, 21 en 26 jier, Marinus Spruytenburg * Utrecht 2-3-1904; by trouwen prokuraasjehâlder te Amsterdam; dir adresseburo te Huizen (Berkenlaantje 23); sn fan Marinus Spruytenburg, yn 1931 keapman te Beilen, en Evertje van Sloten
2 Ane Joukes Jukema * Seisbierrum 30-3-1902 † dêr 29-9-1902, 16 oere, 6 moanne; twilling mei Jetske
3 Jetske Joukes Jukema * Seisbierrum 30-3-1902, 17 oere, † dêr 4-4-1902, 4 dagen; twilling mei Ane

VIII.7 Johannes Anes Jukema * Seisbierrum 21-1-1876 † Grins 4-4-1947, 71 jier, [] Easterbierrum; Nederlânsk Herfoarmd dûmeny, te Paezens-Moddergat, sûnt 2-7-1905 te Rinsumageast; sûnt 16-11-1924 te Broek op Langedijk; 1927-1936 idem te Vriezenveen; yn 1938 te Soest [?];
x Barradiel 12-10-1911, 35 en 25 jier, Anna Maria de Minjer * Hoogblokland 3-7-1886 † 26-8-1970, 84 jier, [] Easterbierrum; NH; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; dr fan Nicolaas Cornelis Jacobus de Minjer, Nederlâns Herfoarmd dûmeny, sûnt 23-8-1883 te Hoogblokland, sûnt 3-7-1889 te Leerdam, sûnt 1-8-1891 te Seisbierrum, sûnt 28-5-1893 te Delft, dêr stiet er mar trije wiken yn ’e houten broek, want sûnt 12-6-1893 is er wer foargonger te Seisbierrum, 6-1-1898 te Seisbierrum (hûsnr 1), en Elisabeth Johanna Anna Wilhelmina Felix, KO dûmenysdochter
Bern:
1 Elizabeth Johanna Anna Wilhelmina Jukema
* Rinsumageast 14-9-1913 † Soest 3-3-1938, 24 jier, [] Easterbierrum; NH
2 Ane Jelle Jukema * Rinsumageast 23-8-1914 [?] † Ontario, Kanada, 2003, [] Mount Pleasant Cemetery, London, Middlesex, Ontario; NH;
x Hedwig Hiemstra
3 Gerlof Jukema * Rinsumageast 13-10-1920 † Leerdam 1-10-1997, 76 jier; NH; yn 1947 teologysk kandidaat, yn dat selde jier helppreker te Inkhuzen; yn 1949 Nederlânsk Herfoarmd dûmeny te Middelsum, yn 1954 idem te Nijverdal, yn 1963 te Skeveningen, yn 1963 te Enskedé, yn 1973 te Berkel-Rodenrijs; 1981-86 helppreker
Hoeder Gerlof preket syn gelovigen de triennen yn ’e eagen. As er yn Enschedé in berop oannimme sil, wolle syn skiep him net kwyt. Se skinke him in Opel Cadet. Dûmeny bliuwt by syn kudde.
4 Bernard Cornelis Jukema * Rinsumageast 3-9-1923 † Amersfoart 10-8-1993, 69 jier, [] Leusden; NH; stúdzje teology te Grins; yn 1948 teologysk kandidaat; Nederlânsk Herfoarmd dûmeny, yn 1953 loftmachtpredikant; yn 1957 dûmeny De Pein; yn 1962 Marknesse; 1971-’89 Amersfoart (Nieuwe Kerk);
x Aleida Johanna Prinsen
5 Jetske Jukema
x S.W. de Vries; Ned. Herfoarmd dûmeny
6 Hester Jukema
x R. Dijkstra, dir Calvé
7 Nicolaas Jukema; bouboer op ’e Slachtepleats ûnder Easterbierrum; emigreart nei Noard Amearika;
x Geeske Leffertsma
8 Johannes Jukema
(Johan); Ned. Herfoarmd dûmeny te Holwierde; letter te Suriname en Curaçao;
x Helena van Doorn
Bern: 5 jonges

VIII.8 Ane Jelles Anes Jukema * Seisbierrum 1-3-1885 † 24-6-1971, 86 jier, [] Easterbierrum; wennet yn 1935 te Easterbierrum
Opmerlik is dat Ane Jelles by de berte oanjûn wurdt as Ane + it patronym Jelles; letter is it meast: Ane Jelle Jukema of – yn notariele akten – Ane Jelles Anes Jukema; hy is in neikommerke: geboaren 8 jier nei Jehannes.

GENERAASJE IX
IX.1 Ane Seerps Jukema * Winaam 12-9-1901 † Slootdorp 24-7-1950, 48 jier, [] Middenmeer; NH; ferhuzet op 3-5-1918 út Winaam nei Ljouwert; by trouwen bouboer te Winaam; dêrnei idem te Slootdorp, Wieringermar;
x Doanjewerstal 3-5-1940, 38 en 32 jier, Grietje Berends Okma * Diken 30-4-1908 † Middenmeer 9-4-1993, 84 jier, [] Middenmeer; NH; by trouwen sûnder berop te Diken; dr fan Berend Durks Okma en Akke Jans Rypkema, greidboeren te Diken (39), sûnt Alde Maaie 1919 rinteniers te Wâldsein

IX.2 Jan Seerps Jukema * Winaam 11-10-1903 † Frjentsjer, wenjend te Easterbierrum, 2-1-1989 [] Easterbierrum; NH; by trouwen bouboer te Winaam; sûnt 28-5-1932 te Easterbierrum (nr 182);
x 1 Ferwerteradiel 19-5-1932, beide 28 jier, Lammijna Joostes de Vries (ek: Lammyna, Lamina; by de berte ynskreaun as: Lammijna) * Wânswert 20-4-1904 † Easterbierrum 3-8-1946, 42 jier, [] Easterbierrum; trouwen sûnder berop te Wânswert, komt op 31-3-1932 dêrwei te Easterbierrum, dêr bouboerinne; dr fan Joost Arjens de Vries, by syn trouwen yn 1899 fan boerebedriuw te Achlum, en Fokje Tækes Dokter, winkellju te Achlum (86), sûnt 5-5-1902 greidboeren te Wânswert
Sjoch: Stamboom De Vries – XI-b
x 2 Barradiel 12-5-1949, 47 en 46 jier, Aukje Johannes Wijngaarden * Minnertsgea 26-4-1903 † Frjentsjer 18-1-1987, 84 jier, [] Easterbierrum; bouboerinne te Easterbierrum; muoike fan Pieter Gerrits Wijngaarden (VII.8); dr fan Johannes Gerrits Wijngaarden (DG, letter NH), bouboer, sûnt 1901 te Minnertsgea oan ’e Haitsmaleane 3 (nrs 274, 299, 356), sûnt Alde Maaie 1927 idem te Seisbierrum, en Ysaakje Rientses van Wijngaarden, bouboerinne te Minnertsgea
Bern út it earste houlik:
1 Fokje Jans Jukema
* Easterbierrum 4-9-1933
x Foeke Gerbens Hofstra
2 Trijntje Jans Jukema (Tine) * Easterbierrum 18-10-1935
3 Akke Jans Jukema, folget X.
4 Joost Jans Jukema, folget X.
5 Seerp Ane Jans Jukema, folget X.
6 Ane Jans Jukema, folget X.

IX.3 Jelle Seerps Jukema * Winaam 5-1-1909 † Frjentsjer 25-4-1985, 76 jier, [] Seisbierrum; NH; by trouwen bouboer te Winaam; ferfart 20-5-1938 nei Ferwert (nr 420), dêr bouboer op Grut Kohoal oan ’e Kahoalsterleane 2; sûnt simmer 1976 rintenier te Frjentsjer, Obe Postmaplein; tweintich jier tsjerkfâd Herfoarme Tsjerke Ferwert, letter tsjerkfâd-âlderling; sûnt de oprjochting fan it Juckema-Siderius fonds dêrfan bestjoerslid; tweintich jier bestjoerslid Rie fan Tafersjoch Raiffaissenbank te Ferwert, letter RABO; twa perioaden fan fjouwer jier betsjoerslid Suvelfabryk Marrum; bestjoerslid K.I. Ferwert, dêrfan sekretaris oant de fúzje yn ’e 70er fan alle K.I.-ferienings yn Fryslân;
x Barradiel 19-5-1938, 29 en 21 jier, de dochter fan syn neef, Noentje Anes Jukema IX.5.1
Jelle en Noentsje binne achter-neef-en-nicht: Jelle syn heit Searp Anes (VII.3) is in broer fan Noentsje har pake Boate Anes Jukema (VII.4).
Bern:
1 Seerp Jelles Jukema
, folget X.
2 Janke Jelles Jukema * 7-6-1941 † 3-10-1991, 50 jier, [] Seisbierrum
x Richard J.G. Tekelenburg * 12-11-1937 12-12-2003, 66 jier, [] Seisbierrum
3 Ane Jelles Jukema
, folget X.

Jelle Seerps Jukema
en Noentje Anes Jukema
Noentje, Ane, Janke, Seerp en Jelle Seerps Jukema
Noentje en Jelle
op har sulveren troudei
Ane, Janke en Seerp

Soan Ane fertelt:
Mink Zijlstra, in arbeider fan ús, dy’t oan ’e Seedyk wenne ferongelukke mei de brommer. De frou bleau sitten mei sân jonges en ien fanke – dat waard breidsfamke by ús Janke, dat jurkje hat dat famke mei in wite penty en in pear nije skuon hat dy frou noch altyd.
Dy arbeidersfrou wie wat sacht fan aard en koe de bern yn ’e húshâlding net rjocht oan ’t wurk krije. Dan gong mem der in pear kear yn ’t jier hinne, naam cake mei: ‘No sille wy earst even oan ’t wurk.’ De iene oan it himmeljen, de oare oan it skuonpoetsen. Mem die sels mei.
Se hie oerwicht en koe maklik kontakt mei minsken meitsje. Sa wie ien by de doarren lâns en sei: ‘Dêr hoege jo net hinne, dêr krije jo neat.’ Dat wie foar mem in útdaging: se krige in tienstje yn ’e kollektebus.
Te Frjentsjer sei ien tsjin my: As jim mem by de doar komt, dan móat ik wat jaan, as ik der no wol of net foar bin.
Yn in arbeidershûs fan ús oan ’e Seedyk wenne in man, hy wie skieden en hâlde dêr mei in freon ta, en letter mei in freondinne; hy wenne dêr fergees, mar dan moast er ien kear yn ’e fjirtjin dagen op sneon- en sneintemiddei by ús melke. Hy wie alkohol ferslaafd en dy freon ek.
Mem gong nei dokter, hie dy dêr ek piltsjes foar? Dokter lake wat, dy tocht dit wurdt toch niks. It wie net sa mar klear om sa’n man fan dy ferslaving ôf te krijen. Mem rêde it op. De man kaam elke dei om fiif oere om syn pil op te heljen mei poeiermolke of in kop kofje, der siet yn ’e regel in koekje by. Dat naam er ûnder tafersjoch ta him en dan gong er wer nei hûs. As er in dei oersloech gong mem by de daam stean en dan sei se tsjin de man: Even meikomme. In kear hie er in pypke bier nommen, hy tocht it sil wol wat tafalle, as er trije dagen net de pil nommen hie. Mar hy spuide it boarst út it liif.
Op ’t lêst wie er frij fan syn ferslaving. Mei goed santich krige er darmkanker en dêr is er oan stoarn.
Te Frjentsjer: As jim mem by de doar komt mei in kollektebus, dan moat ik wat jaan, as ik der no wol of net foar bin, dan móat ik wat jaan.
De maatskiplike belutsenesn gong by har as fansels.

Se wie sterk – boppedat hie se ek nochal wat knyp yn ’e hannen, dat kaam út har beppe fan memmes klant, dat wie in Okkinga, – in laach fan tûke keatsers. In broer fan har kniep guodlik in maat yn ’e earm. Dy fint jammere sa as waard in baarch ringe.
Doe’t se âlder waard sei se: Myn earmen binne sterk, mar myn fuotten litte my wat yn ’ steek.
Doe’t myn broer Seerp en ik nei Seisbierrum fertrokken, waard op 1 maaie 1973 op ’e pleats te Ferwert boelguod hâlden fan ’e 33 kij, dy’t brochten mei-inoar f 100.000,00 op. De djoerste ko wie 4.700,00, de keaper moast dêr fia de notaris noch 14% opslach oerhinne jaan.

It jongfee gong ek fuort. Lykas it ark wat op it fee betrekking hie. Dêr hie mem o sa’n hertsear fan.
Mar doe’t it beslút nommen wie, stie se der ek finaal achter en boarne se de keallen trije kear deis. De kij waarden sturtwosken, mar dat die se sels ek altyd al mei. De djoerste keallen brochten tusken de f 1.500,00 en de f 2.000,00.
Ek as de kij nei de feekeuring soenen, dan wosken mem en ik se earst en krigen in dek op. In ko is in kear reservekampioen wurden, doe straalde se fan ear ta ear.

Nij Kohoal oan ’e Seedyk ûnder Ferwert

Op Grut Kohoal brûkten wy ek bûtendyks lân. Je hienen earst greide, dat hearde by de pleats, lykas ek achter de Simmerdyk, dêr hienen wy twahûndert meter slyk, kwelders – dêr koenen je simmers hokkelingen en jonge hynders weidzje. Simmerdeis weiden dêr ek skiep mei jonge lammen, dy hellen wy letter by de skiep wei nei de pleats, dêr stie mear gers en groeiden se better. By heech wetter wie it dêr te gefaarlik foar skiep: de wol wurdt swier, it skiep wurdt wurch en fersûpt. De skiep moasten wy dêr mei hurde wyn en heech wetter fan in meter weihelje. In kear moast ik mei stoarm, wynkracht 10, mei in saklamp krûpende by de dyk op. Ik ha ’t selden sa meimakke. Heit hâlde him oan ’e hikke beet. De bisten fielden dat wol oan, se kamen al. Skiep binne gelukkich kudddedieren.
Op ’t ein fan syn boerwêzen, by heechwetter yn ’e hjerst fan 1975, is it heit lykwols in kear ûntkommen. It wetter kaam oer de Simmerdyk hinne. It komt heel hurd omheech, de polder rint yn in omsjoch fol. Slykwurkers seinen dan ek wol: Je kinne der dan ek net tsjin rinne.
Doe binne noch tweintich skiep ferdronken. Dat wie heit slim yn ’e wei, syn eare tenei. ‘Ferdikkeme noch oan ta, no hâld ik hast op…’ Der wienen nóch in pear boeren dy’t it net oankommen sjoen hienen.

Achter it Simmerdykje kaam it Gemeentefjild, dat wie slyk. Dat wie fan ’t Ryk. Dêr weiden simmerdeis wol hokkelingen en hynders – noait skiep, te gefaarlik. Dêr hienen wy twa dobben, dat wienen letter natuermonuminten. Mei dy dobben wienen je ôfhinklik fan reinwetter. Mei in ein slang – de tomme op it útein – moasten je it sâlte wetter derút helje.
Nei ferrin fan tiid kamen dêr betonnen wetterbakken mei wetterlieding, dy waarden let yn ’e hjerst ôfsluten, dan rûn der ek gjin fee mear. Elke boer hie sa’n wetterbak op syn stik.
Wy wienen dêr ek wakker oan it útgreppeljen. In pear kear ha wy dêr seewetter oerhinne hân.
Dat soe ynpoldere wurde: de plannen A (âlde Seedyk ferheegje), B (opheegjen by de simmerdiken lâns), C (noch in eintsje fierderop, gong it fierste) en neffens D waard seistûzen hektare ynpoldere, fan it Noarderleech nei Holwert ta.
Mei Friesche Mij-boeren ha ik nei de Twadde Keamer west om foar ynpoldering te pleitsjen neffens D, in gesellige dei trouwens. Dan hienen dêr ek boupleatsen komme kinnen op in soarte fan savelgrûn; fóár tsjin de Seedyk oan wie de grûn te swier foar bou. De fynste slyk dielen besinke dêr.
De Miljeuklub en de Waadferiening wienen poer op ynpoldering tsjin. De âlde seedyk is ophege yn ’e santiger jierren. No frette guozzen oant ein maaie de boel dêr keal.

IX.4 Haije Seerps Jukema * Winaam 4-5-1915 † Frjentsjer 7-2-1995, 79 jier, [] Easterbierrum; NH; by trouwen bouboer te Winaam; sûnt omstrings 1977 sûnder berop te Frjentsjer;
x Wymbritseradiel 19-5-1941, 26 en 23 jier, Aafke Pieters de Jong * Goaiïngea 20-7-1917 † Harns 26-4-2002, 84 jier, [] Easterbierrum; by trouwen sûnder berop te Loaiïngea, dêrnei bouboerinne te Winaam; dr fan Pieter Bouwes de Jong en Dieke Jacobs Wymenga, sûnt 1910 greidboeren te Goaiïngea (75), yn 1941, ’47 idem te Loaiïngea
Seis bern, ûnder oaren:
Seerp Ane Jukema, folget X
Jacob Jukema, folget X
Dieke Aafke Jukema
* Winaam 1945 † Frjentsjer 5-4-1989, 44 jier
Ane Jelle Jukema * Winaam 9-4-1950 † dêr 17-5-1973, 23 jier, [] Easterbierrum

IX.5 Ane Botes Jukema * Easterbierrum 31-5-1888 † dêr 16-1-1950, 61 jier, [] Easterbierrum, yn it grêf fan syn heit; bouboer te Seisbierrum (356, 415); sûnt syn troudei bouboer (mingd bedriuw) oan ’e Slachtedyk op ’e Slachtepleats bûnder Easterbierrum (363, 356);
x Barradiel 20-5-1915, 26 en 27 jier, Janke Gerbens Dijkstra * Seisbierrum 13-12-1887 † dêr 20-12-1957, 70 jier, [] Easterbierrum, by har mans omskot; dr fan Gerben Ulbes Dijkstra en Noentje Klazes Okkinga, bouboeren te Seisbierrum (274), sûnt 7-5-1900 greidboeren te Wiuwert, sûnt âlde Maaie 1901 bouboeren te Winaam (144, 160, 190, 187), dêrnei te Easterbierrum.
Ane wurdt op 16-12-1907 oanwiisd ta de militêre tsjinst.

Ane Botes Jukema en Janke Gerbens Dijkstra;
fotograaf: De Jong, Ljouwert;
dêrneist de bern: Pietertje, Noentje en Dieuwke

Ane Jukema: Pake Ane wie in folksman, hy hie in fyts en koe him sadwaande fierder ûntjaan, beppe net. Yn Harns wie ris wat te beleven, dêr ha pake en beppe inoar troffen op ’e Liuwebrêge, sa kamen se yn ’e kunde.
Pake hat ris in hazze sketten yn ’e bleate kont. Pake gong yn ’e reidsleat út ’e broek. Dêr is de hazze. Hy sjit. It is raak. Pake makket dien wurk.
Jukema-Nammensma: Pake Ane mocht graach kaarte, net yn ’e kroech mar bygelyks by ús pake Jehannes Houtsma oan hûs. In slokje derby ta stille argewaasje fan beppe Janke, dy wie frij string en net fan ’e drank.
Pake hie in bolle dêr’t lytsere boeren ek gebrûk fanmakken, dy betellen twa gûne, in ryksdaalder, dat hong der wat fanôf hoefolle in nochteren keal wurdich wie. By grutte feefokkers, lykas de Wassenaars te Jelsum, moasten je wol hûndert gûne per drachtigens betelje. Dy hienen betiden wol seis dekkings deis.
Pake wie de earste persoan dy’t ik yn ’e kiste sjoen ha. Mar ik wie te jong foar de begraffenis. De faam paste op.
In pear jier nei pake syn ferstjerren moast beppe fan ’e pleats, dy wie yn besit fan dûmeny Jehannes en Searp Jukema; de soan fan Jehannes – Nico – moast derop, dy emigrearde nei Kanada; doe kamen Searp Jans Jukema en Brechtsje de Jong derop.

Bern:
1 Noentje Anes Jukema
* Seisbierrum 15-3-1917 † Menaam 6-3-2002, 84 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; ferhuzet op 20-5-1938 dêrwei nei Ferwert (nr 420); bestjoerslid Nuttige Hantwurkkommisje Herformde Legere Skoalle Ferwert
x har achterneef Jelle Seerps Jukema IX.3
2 Pietertje Anes Jukema 30-6-1919 † Bolswert 25-8-1999, 80 jier, [] Hartwert; greidboerinne te Longerhou en Hartwert; organiste NH te Easterbierrum;
x Barradiel 30-10-1952, 33 en 41 jier, Sipke Sipkes de Schiffart * Hartwert 16-5-1911 † dêr 10-5-2004, 92 jier, [] Hartwert; greidboer te Longerhou en te Hartwert; sn fan Sipke Jelles de Schiffart, by syn trouwen yn 1892 arbeider te Twellegea, wenjend te Grou, yn 1894 idem wenjend te Twellegea, en Hinke Gerrits de Jong, sûnt omstrings 1896 greidboeren te Hartwert
3 Dieuwke Anes Jukema * Seisbierrum 23-8-1927 † Frjentsjer 1-11-2020, 87 jier, [] Seisbierrum;
x Tjamke de Witte * 12-7-1929 † 5-11-1999, 70 jier, [] Seisbierrum

Trijerisom Noentje Anes Jukema

IX.6 Marten Botes Jukema * Easterbierrum 17-7-1895 † Ljouwert, wenjend te St.-Anne, 23-3-1957, 61 jier, [] St. Anne; bouboer te Easterbierrum op syn âlderspleats (nr 150); Marten, Afke en har soantsje Boate wenje dêr earst by Marten syn âldelju yn; suster Tsjerkje wennet sûnt 1-11-1900 by har yn oant Alde Maaie 1924 dy’t dan nei Seisbierrum ferhuzet, en letter wer by Marten-en-dy as faam ynwennet oant Alde Maaie 1926; de húshâlding ferfart neffens de boeken op 5-5-1926 nei St.-Anne (B490), dêr bouboer oant syn ferstjerren; Marten hiert dêr yn 1925, ’35 in sate en lân fan Lykle de Jong, arts te Den Haach;
x Barradiel 16-12-1920, 25 en 23 jier, Aafke Jans Zwager * Furdgum 7-1-1897 † Kollum 22-12-1987, 90 jier, [] St.-Anne; by trouwen sûnder berop te Furdgum, dêrnei bouboerinne te Easterbierrum en St.-Anne; dr fan Jan Jans Zwager en Liefke Eiberts Fongers, arbeiders te Slappeterp, sûnt -6-1882 te Peins (23a), sûnt Alde Maaie 1883 gerniers te Furdgum (18, 9, 13, 10, 8), yn 1920 dêr bouboeren
Bern:
1 Bote Martens Jukema
, folget X * Easterbierrum 13-6-1921 † Kraggenburg 31-5-2017, 95 jier, [] Nagele
x Anna van der Wal † -4-2003
2 Jan Martens Jukema, folget X
3 Liefke Martens Jukema * St.-Anne 11-9-1927 † Kollum 31-12-2022, 95 jier, [] Aldwâld, Nijenhof, twilling mei Ane/Kollum/
x Metske van der Laan † 4-10-1988
4 Ane Martens Jukema * St.-Anne 11-9-1927, twilling mei Liefke/St.-Anne/
w.m. E. Elzinga

IX.7 Bote Botes Jukema * Easterbierrum 23-5-1904 † Grins, wenjend te Minnertsgea, 25-12-1949, 45 jier, [] Minnertsgea, rige 76, nr 2; wennet sûnt 1-3-1921 yn by syn broer Ane-en-dy; sûnt syn houlik bouboer te Easterbierrum (104, 107), sûnt omstrings 1936 idem te Minnertsgea, Haitsmaleane 3 (379);
Boate is neamd nei syn heit dy’t krapoan fjouwer moanne nei Boate syn geboarte ferstjert.
x Menameradiel 28-5-1930 Fetje Johannes Greevelink * Sint Jansgea, Skoaterlân, 17-1-1903 † 5-5-1974, 71 jier, [] Minnertsgea; komt op 28-5-1930 út Boksum yn Easterbierrum; bouboerinne te Easterbierrum en Minnertsgea; dr fan Johannes Hendriks Greevelink, by syn trouwen yn 1895 greidboer te Sint Jansgea, en Neeltje Gerrits van der Leij, greidboeren, sûnt har houlik wenjend te Rotsterhaule, sûnt omstrings 1903 te Sint Jansgea, sûnt 9-5-1917 te Rottum, sûnt Alde Maaie 1920 te Deinum (113), sûnt Alde Maaie 1933 te Boksum (104);
Fetsje x -9-1953 Sijbe Reins Faber * Minnertsgea 8-3-1893 † dêr 5-7-1968, 75 jier, [] Minnertsgea, rige 22, nr 17; gernier te Minnertsgea (227a, 279); sûnt syn twadde houlik bouboer op Haitsmaleane 3 (nei Fetsje en Sybe buorkje dêr soan Rein en pakesizzer Sybe Reins Faber); sn fan Rein Sijbes Faber, arbeider te Minnertsgea, en Gepje Arjens Keizer;
Sijbe x 1 Barradiel 10-6-1916 Geertje Zwart * Minnertsgea 9-9-1887 † dêr 2-1-1950, 62 jier; dr fan Jacobus Sjoerds Zwart en Grietje Geerts Bevij
Bern:
1 Ane Botes Jukema
* Easterbierrum 19-4-1934 † Ede 9-1-2012, 75 jier; wennet 5-7-1968 te Rotterdam, op 5-5-1974 te Amsterdam
2 Neeltje Jacoba Botes Jukema
* Minnertsgea 19-6-1936
3 Pietertje Tjerkje Botes Jukema
* Minnertsgea 21-10-1943 † Snits 6-11-2014, 69 jier, [] Snits
x Snits 29-4-1964, 20 en 25 jier, Coenraad Dijkstra * Snits 28-9-1938 † Bolswert 2-3-2015, 76 jier, [] Snits; sn fan Titus Coenraads Dijkstra, yn 1934 krudenier te Snits, en Ypkje Franzes Kamminga, yn 1934 winkeljuffrou te Ljouwert

GENERAASJE X
-De nûmering by dizze generaasje is noch lang net folslein fanwegen in massa genealogise oanfullingen dy’t hooplik op kommendewei binne.

X Akke Jans Jukema (Akky)
Bern:
Joost Jukema, folget XI

X Joost Jans Jukema (Joop)
x
Joukje Boomsma
Bern:
1 Jan Jukema, folget XI

X. Seerp Jans Jukema * Easterbierrum 21-6-1938 † Seisbierrum, Dukerstrjitte 5, 27-2-2021, 78 jier, [] Easterbierrum
x Snits 31-3-1965 Brechtje de Jong
Bern:
1 Djieuwke Seerps Jukema

2 Jan Seerps Jukema
3 Pieter Seerps Jukema, folget XI
4 Lammijna Aukje Jukema

x Cor Hanenburg
Bern:
1 Jelte Seerp Jukema * 2004
2 Brechina Aafje Jukema * 2007.

X Ane Jans Jukema
x
Annechien de Poel (Giny)
Bern:
1 Jan Anes Jukema
, folget XI
2 Freerk Anes Jukema, folget XI
3 Annechien Anes Jukema * 1973
x Jurjen Bruinsma * 1971; biologys boer
Bern: 1 Gerben Bruinsma * 2002; 2 Annechien Bruinsma (Giny) * 2006; 3 Empkje Bruinsma * 2009; 4 Ane Bruinsma * 2011

X Seerp Jelles Jukema * 1939; sûnt 1996 bouboer op Douma state ûnder Seisbierrum, Hoarnestreek 3
x Trijntje Aukje Westra * 1946

Douma state foar de ôfbraak yn 1937;
de nij-opboude pleats baarnde ôf op 1 novimber 1973

Bern:
1 Jelle Seerp Jukema
; yn Maatskip J.S. Jukema biologysk-dynamysk bouboer op Douma state; skriuwer Doarpsbelang Seisbierrum
Sjoch:
Jelle Seerp Jukema fertelt
’Ik wol leafdefol mei de grûn omgean’
Walnoten en hazelnoten op de Friese klei

2 Hieke Jukema * 1978
x Hendrik Jan Anema
Trije bern
3 Noentje Janke Jukema
* 1980
x Harmen Jan Lamberts
Fjouwer bern

X. Ane Jelles Jukema * Ferwert, Grut Kohoal, Kahoalsterleane 6-9-1945 ~ Ferwert 11-11-1945; belidenis dêr 4-4-1971; folget de U.L.O. te Ferwert; Middelbere Lânbouskoalle te Dokkum; sûnt syn houlik yn 1973 bouboer op Donia state ûnder Seisbierrum, Hoarnestreek 1; opfolgers fan Nely har âlden;
x Neeltje Jans Nammensma
Sjoch: Goasse Brouwer, Genealogy Nammensma XII.9.4
Bern:
1 Jelle Ane Jukema, folget XI

2 Pietertje Elisabeth Jukema (Pien) * Seisbierrum, Donia state, 10-5-1976 ~ en belidenis 14-4-2000; ferfolchûnderwiis Anna Maria van Schuurman te Frjentsjer; MBO te Ljouwert; Hanzehogeschool te Grins; algemien sekretaris lanlik haadbestjoer CNV Vakmensen, Almere, Flevolân; senior consultant Start People, Almere;
x Seisbierrum 14-4-2000 Sicco Zijlstra * Pitersbierrum 19-6-1969; fertsjintwurdiger en adviseur foar Grinslân, Fryslân en Noard-Hollân by Tolsma Technyk te Emmeloard, fentilaasje en kuolling; sn fan Jan Jaspers Zijlstra, wurksum by leanbedriuw Koperaasje De Bjirmen te Easterbierrum e.o., wenjend te Seisbierrum en Pitersbierrum, en Hyke Griet Tjeerds Jensma, ferpleechster te Pitersbierrum

Bern: Neeltje Johanna Zijlstra (Nelia) * Seisbierrum 6-11-2005; Jasper Jan Zijlstra (Jasper) * Seisbierrum 23-4-2008                              

3 Jan Nammen Jukema * Harns, sikehûs, wenjend Donia state, 21-4-1979;
troud; twa famkes, ien jonge.
Fierders net iepenbier.               

Nely Nammensma en Ane Jukema 25 jier troud
Pien Jukema en Sicco Zijlstra op Donia state, de wylgen binne ûnderwilens romme
Jan Nammen en Ane Jukema as tsjûgen op ’e brulloft fan Pien en Sicco

§ Bedriuwsferoaringen op Donia
As Nely en Ane op Donia state komme beslacht de pleats 45 ha., der wurdt útwreide nei 67 ha. en fergrutte nei 72 ha. It haadgewaaks bliuwt setierdappels, mei dêrneist sûkerbiten en nôt. As nije teelten wurde gerssied, sipels en woartels boud. Dêrta komt der yn 1992 in kuolsel. Yn 1996 komt der in fleishinnestâl by, yn ’e mande mei broer Searp. Troch ferskil fan ynsjoch jouwe de opfolgers yn 2016 de brui oan dat oparbeidzjen.

Ane en Nely ferhúzje yn ’e maityd fan 2006 nei De Kampen te Seisbierrum. Se bliuwe finansjeel ferbûn oan it bedriuw oant foarjier 2011, dan wurdt de buorkerij fuortset troch soan Jelle en Rianne.
Anne springt noch hyltyd by op ’e pleats.


De Nammensma buorkje sûnt 1858 op Donia state, se folgje dêr Meindert Sjoerds Donia op, troud mei Aafke Jelles Jukema IV.4, dy’t dêr sûnt 1804 op buorkje; Afke is in nicht fan Jelle Anes Jukema Jr syn pake, famyljesibskip:
Ane Jelles III<Jelle Anes IV>Aafke Jelles IV.4
Ane Jelles III<Jelle Anes IV<Ane Jelles V>Jelle Anes VI>Ane Jelles VII < Seerp Anes VIII.4 < Jelle Seerps IX.3 > Ane Jelles X
. > Jelle Anes X.                          

X Seerp Ane Jukema * 1943
x Trijntje Jensma
Bern:
Aafke Dieke Jukema * 1972
x Jan Alkemade * 1970 † 2024
Bern: fjouwer dochters

X Jacob Jukema * 1953
x Aukje Fopma * 1955
Bern:
1 Grietje Jukema
* 1980
x Symen Bouma * 1979
Fjouwer bern
2 Haye Jukema, folget XI
3 Aafke Jukema * 1987
x Jelte van der Zee * 1990
Fjouwer bern
4 Tjeerd Jukema, folget XI

X Bote Martens Jukema * Easterbierrum 13-6-1921 † Kraggenburg 31-5-2017, 95 jier, [] Nagele
x Anna van der Wal † -4-2003
Bern:
1 Wytske Jukema
/De Lemmer/
2 Afke Jukema/Swolle/
x Jan Zoer
3 Marten Jukema, folget XI
4 Allard Jukema, folget XI

X Jan Martens Jukema * Easterbierrum 25-7-1924 † Heemstede 6-6-2012, 85 jier, [] Heemstede; nh;
x Hinke Gerbens Gerbrandij * De Hommerts 1-11-1927 † Heemstede 29-11-2018, 85 jier, [] Heemstede; NH; dr fan Gerben Rientses Gerbrandy, yn 1919 greidbooer te Skettens, en Doedtje Sipkes de Schiffart, greidboeren yn ’e Hommerts
Bern:
1 Marten Jukema, folget XI

2 Gerben Jukema, folget

GENERAASJE XI
XI Joost Jukema (Joop) * 1963
x Mieneke Runia * 1966
Bern:
1 Akkeline Alderina Jukema
* 1991
w.m. Dirk Theodorus Johannes Stokkel * 1973
Bern: Mats Julian Stokkel * 2021
2 Albert Jan Jukema * 1993

XI Pieter Seerps Jukema
x Marianne de Haan
Bern:
1 Friso Siard Jukema
* 2001
2 Maryse Fardou Jukema * 2005
3 Lidewij Marinka Jukema * 2008.

XI Jan Jukema * 1967
x Adeline Runia
Bern:
1 Juliet Jukema
* 1993
x Robert de Bruin * 1992
Bern: Jellina de Bruin * 2022
2 Joost Jukema * 1995
3 Albert Jukema * 1998

XI Gerrit Jukema * 1969; sûnt 2013 bouboer op Haerda state ûnder Easterbierrum – Haerda Agro, Haerdawei 44,
x
Petra Smink * 1974
Sjoch:
Boerenportret
Boslandbouw

Bern
1 Joost Jukema
* 2001
2 Maaike Jukema
* 2003
3 Afke
Joukje Jukema * 2006
4 Joukje Jukema * 2013

XI Jan Anes Jukema

XI Freerk Anes Jukema; bouboer en pikeboer op in tsjerkepleats yn ’e Maatskip F. Jukema en C. Jukema-Post
x Carla Post; bouboerinne yn ’e selde maatskip
Bern:
1 Elisabeth Jukema
2 Annechien Jukema
3 Ane Jan Jukema
4 Nynke Jukema

XI Jelle Anes Jukema * Seisbierrum, Donia state, 21-12-1974; Brêgeklasse en V.M.B.O. Anne Maria van Schuurman te Frjentsjer; Middelbere Lânbouskoalle te Ljouwert; bouboer en pikeboer; buorket fan 1993 oant 1 maaie 2011 yn maatskip mei syn heit op Donia, en allyksa yn ’e mande mei syn omke en buorman Seerp Jukema; dêrnei buorket er oant 2015 yn gearwurking mei syn neef Jelle Seerps Jukema, se ha de pikestâl tegearre; dêrnei buorkje se selsstannich fierder;
x 8-9-2006 Rianne Wissmann * Seisbierrum 11-10-1982 ~ en belidenis Grifformearde Tsjerke Seisbierrum; Mavo Anne Maria van Schuurman te Frjentsjer; MBO-Ferpleechkunde te Ljouwert; dêrnei twa jier VuMc Amsterdam; trettjin jier ferpleechkundige Intensive Care; ferpleechkundige Recovery MCL; wurket ûnderwilens mei op ’e pleats; oant 2012 Donia State Bêd & Brochje; sûnt 2017 bestjoerder Donia State B.V.; dr fan Jan Adolfs Wissmann, elektrotechnys ynstallateur te Seisbierrum, en Eisje Strikwerda
Bern:
1 Neeltje Pien Jukema
(Pien) * Ljouwert, sikehûs, wenjend op Donia state, 30-1-2012 ~ Seisbierrum 1-4-2012; RSG Ateneum Harns
2 Ane Jan Jukema * Seisbierrum, Donia state, 17-9-2013 ~ Seisbierrum 9-1-2014  
3 Sinne Petra Jukema (Sinne) * Snits, sikehûs, wenjend Donia state 10-10-2018 ~ Seisbierrum 30-12-2018

XI Haye Jukema * 1983
x Andrea … * 1986
Bern:
1 Esmee Anna Jukema
* 2021
2 Amber Aukje Jukema * 2022

XI Tjeerd Jukema * 1991
x Rianne Anema * 1992
Bern:
1 Hidde Jacob Jukema
* 2020
2 Marrit Richtje Jukema * 2022

XI Marten Jukema/Castenau-Barbarens, Frankryk/
Bern:
1 Thomas Jukema
2 Lisa Jukema
3 Julien Paul Jukema

XI Allard Jukema/De Jouwer/
x Marita Droogh
Bern:
1 Stefan Jukema
2 Elwin Jukema
3 Lisan Jukema

XI Marten Jukema/Amsterdam/
x Veronica Wille
Bern:
1 Eliane Ida Jukema
2 Rosalie Hinke Jukema

XI Gerben Jukema/Leiderdorp/
x Christa Kettelerij
Bern:
Klaas Herman Jukema
Anne Afke Jukema

Wurdt fuortset