Home » Famyljes » Marra » Genealogy Marra

GENEALOGY MARRA – FRAGMINT
THEUNIS OEPKES WEINHÛS


Oanlieding ta dizze fragmint-genealogy is de namme fan 7 moargen boulân oan ’e Griene Dyk – de âlde Middelseedyk – ûnder Minderskea yn ’e pleats oan ’e Westerdyk 361, no Westerweg 19 ûnder St.-Jabik.
Dat perseel alheel achteryn ’e pleats hyt Theunis Oepkes Weinhûs, koartsein Theunis Oepkes.
Dy namme sil ûntliend wêze oan de nûmer V yn dizze stamrige: Theunis Oepkes Marra. Dy wie koaltsjer te Minnertsgea en sil dat lân brûkt ha, mooglik hie er it yn eigendom, sjoch hjirûnder syn lânoankeapen. Fierder ûndersyk kin soks opsmite.
Theunis syn heit Oepke Theunis Marra is ien fan ’e earsten yn Minnertsgea dy’t him ôfskiedt fan ’e Nederlâns Herfoarme Tsjerke. Theunis en syn kroast is ek Kristlik Grifformeard, syn frou Klaske net. Soan Evert wurdt letter wer Herfoarmd.
Farianten by de achternamme yn dit skaai:
>Morra, trou-akte fan Theunis Michiels yn 1814
>Morrha, stjerakte Wikje Michiels (III.1.1) yn 1820.

Leginde/legend

Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?

GENERAASJE I
Michiel Upkes
* omstrings 1675 ~ op belidenis 22-4-1698; yn 1698 ‘dienstknecht van Hendrik Hendriks’ te Skalsum; yn 1698 boer te Rie; yn it lidmateregister fan Rie-Boer is oantekene: Micgiel Oepkes is na voorgaande onderwijsinge op de belijdenisse sijns geloofs Christi kerke toegevoegd geworden den 21 april 1698;
yn 1728 boer op stim 14 te Peins; eigner: jonker Johan Sicco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg; Migyl stiet yn 1698 op ’e lidmatelist te Peins, dêr ek neamd 18-8-1708; x 1 Peins 12-11-1699, hy fan Skalsum, sy fan Peins, Aefke Sasses † Rie 2-3-1701; docht yn 1698 belidenis te Peins; dr fan Sas Jarigs
x 2 Peins 14-9-1704 Antje Pyters; wurdt op 4-2-1705 belidenis oannommen te Peins
Bern, út it earste boask:
1 Rinske Michiels
~ Rie 2-2-1701
Ut it twadde houlik:
2 Tryntje Michiels
~ Peins 27-9-1705 † foar de berte fan ’e twadde Tryntsje
3 Tryntje Michiels ~ Peins 20-3-1707
4 Oepke Michiels, folget III
5 Aafke Michiels ~ Peins 22-2-1711 † jong
6 Pyter Michiels ~ Peins 12-2`1713 † jong
7 Tjetske Michiels ~ Peins 7-8-1715 † jong
8 Rentje Michiels ~ Peins 8-8-1717
9 Tetje Michiels ~ Peins 25-5-1724

II
Oepke Mechiels Marra ~ Peins 27-1-1709
x 1 Peins 17-8-1738 Tryntje Theunis ~ Tsjummearum 2-12-1715; dr fan Teunis Martens
x 2 Skalsum 22-2-1750 Gretske Joukes ~ Skalsum 18-4-1718; dr fan Jouke Hoites en Antie Lucas
x 3 Skalsum 11-9-1757 Aukje Cornelis * Peins 13-1-1737 ~ dêr 27-1-1737; dr fan Cornelis Andries en Tryntie Yges
Bern út it earste boask:
1 Michiel Oepkes, folget III.1

2 Theunis Oepkes, folget III.2
3 Antje Oepkes ~ Skalsum 19-11-1747 † 1748
Bern út it twadde boask:
4 Gretske Oepkes
* Rie 11-12-1750 ~ dêr 14-4-1775
Bern út it tredde boask:
5 Jan Oepkes
* omstrings 1757 ~ Skalsum 4-9-1768
6 Pyter Oepkes * 1764 ~ Skalsum 4-9-1768, tagelyk mei Tryntsje, † Frjentsjer 30-11-1810, 46 jier
7 Tryntie Oepkes ~ Skalsum 4-9-1768, tagelyk mei Pyter

III
III.1 Michiel Oepkes * Rie 9-10-1741 ~ dêr 29-10-1741 † Frjentsjer 22-6-1801, 59 jier;
x Hinke Sybes; yn 1820 sûnder berop te Frjentsjer, Wyk T; Hinke kin net skriuwe
Bern:
1 Wikje Michiels Morrha
* Skalsum omstrings 1780 † Frjentsjer 7-3-1820, Wyk T, nr 35, 40 jier; by trouwen tsjinstfaam te Frjentsjer, by ferstjerren dêr sûnder berop; Wikje kin net skriuwe;
x Frjentsjer 11-8-1811, jier, Herre Feddes Feddema (ek: Heere; hy tekenet sels: Herre) * Boer 10-8-1779 ~ dêr 19-9-1779 † Frjentsjer 21-11-1818, 39 jier; by trouwen boere-arbeider te Frjentsjer; sn fan Fedde Cornelis en Bregtje Sybouts
2 Sybe Michiels Morra, folget IV.1 * omstrings 1786 † Frjentsjer 18-3-1832,
3 Theunis Michiels Morra, folget IV.2 * Hitsum omstrings 1788; by trouwen wolkammersfeint te Frjentsjer; Theunis kin net skriuwe;
x Frjentsjer 14-5-1814, 26 en 23 jier, Jantje Bouwes Feenstra * Makkum † Frjentsjer 2-9-1817, Wyk E nr 90, 26 jier; by trouwen faam te Frjentsjer; Jantsje kin net skriuwe; dr fan Bouwe Epkes en Akke Simons (yn stjerakte fan Jantsje: Akke Sjoerds neamd)

III.2 Theunis Oepkes Marra * Rie 5-3-1745 ~ dêr 7-3-1745 + Tsjummearum 8-11-1784, 39 jier; yn húsman te Minnertsgea;
x Skalsum 3-5-1778, beide fan Skalsum, Sytske Wytses * Skalsum 2-5-1751 + Tsjummearum 26-7-1796, 45 jier; bouboerinne te Tsjummearum; dr fan Wytse Scheltes en Akke Broers
Sjoch: Theunis Oepkes Marra (1745-1784) » Kwartierstaat Syds Pasma » Genealogie Online

IV
IV.1 Sybe Michiels Morra * omstrings 1786 † Frjentsjer 18-3-1832, Wyk UB nr 7, 46 jier; boer te Frjentsjer;
x Baukje Johannes de Vries; boerinne te Frjentsjer,
Sybe keapet op 10-12-1818 fan Akke Karstes te Frjentsjer boulân te Frjentsjer; keapsom: f 1.024,00; notaris: Andries Stinstra te Frjentsjer; Repertoire: 040035
Bern:
1 Hinke Sybes Morra
(yn houliksakte: Morrha; Hinke kin by har trouwen net skriuwe) * Frjentsjer 1816; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; ferfart mei man en bern op Alde Maaie 1855 nei de Harlemmermeerpolder
x Frjentsjer 29-1-1843, 26 en 28 jier, Pieter Hendriks Smits * St.-Anne 1814; by trouwen keapman te Easterbierrum, yn 1844, ’45, ’47 dêr arbeider en koaltsjer, yn 1849 dêr boer; ferfart op Alde Maaie 1851 nei St.-Anne; yn 1852 potskipper te Tsjummearum; ferfart op Alde Maaie 1852 út St.-Anne nei Frjentsjer; sûnt 1855 yn ’e Haarlemmermeerpolder; yn 1872, ’80 arbeider te Easterbierrum; yn 1886 arbeider yn ’e steat Iowa, Noard Amearika; sn fan Hendrik Martens Smits (ek: Smit) en Tetje Ypes Kaapstra
2 Johannes Sybes Marra
† Frjentsjer 13-7-1870, Wyk UB nr 7, syn âlderspleats, 56 jier; boer te Frjentsjer;
x Hoitje Bottes Dijkstra (ek: Huitje) * Tsjom † Frjentsjer 16-6-1883, Wyk UB nr 7, 69 jier; boerinne te Frjentsjer; dr fan Botte Dijkstra en Johanneske Andringa

IV.2 Theunis Michiels Morra * Hitsum omstrings 1788; by trouwen wolkammersfeint te Frjentsjer; Theunis kin net skriuwe;
x Frjentsjer 14-5-1814, 26 en 23 jier, Jantje Bouwes Feenstra * Makkum † Frjentsjer 2-9-1817, Wyk E nr 90, 26 jier; by trouwen faam te Frjentsjer; Jantsje kin net skriuwe; dr fan Bouwe Epkes en Akke Simons (yn stjerakte fan Jantsje: Akke Sjoerds neamd)


Oepke Theunis Marra
* Tsjummearum 10-6-1784 ~ dêr 11-7-1784 + Minnertsgea 14-6-1853, hûsnr 93, 69 jier, [] Minnertsgea rigel 34, grêf 14; by syn trouwen arbeider te Minnertsgea, yn 1815 koaltsjer te Tsjummearum; yn 1818, ’22, ’32 arbeider te Minnertsgea; yn 1835, ’46, ’51 dêr (mars)kreamer; by ferstjerren dêr sûnder berop; docht op 15-5-1828 belidenis NH te Minnertsgea; hy skiedt him dêr ôf op 19-12-1835;
x Barradiel 22-5-1814, 29 en 25 jier, Rigtje Sikkes Dijkstra * Tsjummearum + Minnertsgea 2-12-1854, hûsnr 87, 70 jier; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum;by ferstjerren sûnder berop te Minnertsgea;dr fan Sikke Meinderts Dijkstra en Kinske Dirks
Op 17-5-1817 keapje Oepke Theunis Marra en Rigt Dykstra te Minnertsgea fan Obbe Luitzens Wassenaar te Minnertsgea dêr in hûs; keapsom: f 525,00; skuldeasker: heit Sikke Meinderts Dykstra te Tsjummearum; notaris: Everhardus van Loon te St.-Anne; Repertoire: 004014
BESIT FAN IN KOALTSJER
Besit Oepke Theunis Marra, yn 1832, Minútplan Minnertsgea B2 Seksje B Lizzer 150

Perseelnr.Yn gebrûk asOerflakte m²KlasseBelesting
278Hiemf2801
279Hûs30115
280Hûs3019

ÔFSKIEDING OM DE WIERE LEAR
Oepke Theunis Marra is ien fan ’e earsten yn Minnertsgea dy’t him ôfskiedt fan ’e Herfoarme Tsjerke. Ds Hendrik de Cock ‘stiftet’ op 1 desimber 1835 de Kristlik Ofskiede Gemeente fan Minnertsgea. Theunis ûndertekenet op dy dei mei trettjin oaren in ferklearring dat hja har ôfskiede ‘van het tans bestaande Kerkbestuur’.

Neffens de ûndertekeners is de herfoarme tsjerke de grifformearde net mear. Dat docht bliken út trije dingen: de lear, dy’t fan ’e preekstoel ôf ferkundige wurdt, en út de regearing fan ’e tsjerke en út it ferfolgjen fan ’e troch Gods genede ‘getrouwe gereformeerden’.
De ûndertekeners ferklearje fierder dat gjin ‘dolzinnig drijven’ of in ‘heethoofdige ijver’ har ta dizze died bringt, mar it opkommen foar ‘de waarachtige leer der zaligheid’. En de haadsom dêrfan is ‘de rechtvaardiging van de uitverkoren zondaar uit vrije genade door de verlossing die in Christus Jezus is.

Yn ’e lidmatelist fan ’e Herfoarme Tsjerke stiet dat Oepke Theunis Marra en Rigt Sikkes Dykstra har op 7 jannewaris 1837 ôfskieden ha. Dit kin der op tsjutte dat Rigt har doe ek ûntloek.
Yn ’e Kristlik Ofskieden Gemeente dêr, letter Kristlik Grifformearde Gemeente, is gauris spul. Om 1848 hinne wurde der gjin notulen mear byholden en is der likemin Nachtmiel. Theunis Oepkes, dy’t diaken is, leit yn dat jier syn amt del.
Opmerklik is dat Theunis en syn bern Kristlik Grifformeard binne, mar frou en mem Klaske Wynalda Herfoarmd bliuwt. Soan Evert is dat letter ek wer.
Sjoch: J. Wesseling, De Afscheiding van 1834 in Friesland, Deel III, , siden 39, 50 en 54.

V
Theunis Oepkes Marra * Tsjummearum 26-2-1815 +Bûtenpost, wenjend te  Minnertsgea, 10-1-1885, 69 jier, [] Minnertsgea, rigel 22, grêf 18; Kristlik Ofskieden/Kristlik Grifformeard; skipper te Minnertsgea, by trouwen en letter dêr koaltsjer (hûsnr 87k), yn 1881 dêr sûnder berop; by ferstjerren gernier te Minnertsgea; ferfart op 12-11-1873 mei de húshâlding dêrwei nei Kampen; ferfart idem op 7-4-1877 nei Kampen; komt op 28-3-1862 idem yn Minnertsgea (hûsnrs 87, 169); komt op 9-2-1870 idem yn Minnertsgea; komt op 1-7-1881 idem yn Minnertsgea (nr 169); oant 1848 diaken Kristlik Ofskieden Gemeente Minnertsgea;
x Barradiel 20-2-1851, 35 en 26 jier, Klaaske Everts Wijnalda * Minnertsgea 25-7-1824 + dêr 7-9-1890; NH; by trouwen sûnder berop te Minnertsgea; dr fan Evert Obbes Wijnalda, yn 1812, ’13 timmermansfeint te Miunnertsgeayn 1831, ’32 en by syn ferstjerren mei 60 jier yn 1847 dêr timmerman, en Baukje Sjoerds Donia
Nei de dea fan har man ferhiert Klaske yn 1885 – oan fjirtjin gerniers – en 1889 lân te Minnertsgea;
-op 13-5-1889 stiet Ynze Klazes de Boer te Minnertsgea by Klaske yn ’e skuld foar 2.000,00; notaris: Siemon Mossel te St.-Jabik; Repertoire: 066021;

op 30-10-1890 wurdt boelguod hâlden fan Klaske Wynalda; opbringst: f 444,00; notaris: Siemon Mossel te St.-Jabik; Repertoire: 066021.

Bern:
1 Baukje Theunis Marra
* Minnertsgea 29-2-1852 + Apeldoarn 13-7-1921, 69 jier; KG;
x Kampen 6-1-1876, 23 en 26 jier, Nicolaas Heukels * Deventer 2-5-1849 + Apeldoarn 8-3-1935, 85 jier; by trouwen ûnderwizer te Kampen; skoallehaad te Lollum 1876, ’80, ’82, te Surhuzum 1884, ’87, ’90, ’91; ferhuzet op 30-3-1890 dêrwei nei Capelle aan de IJssel; letter te Apeldoarn; sn fan Lulof Heukels, skipskaptein, en Elisabeth Buisman
Bern, û.o.:
Theunis Heukels – Wikipedy
2 Rigtje Theunis Marra * Minnertsgea 19-4-1855 + dêr 19-5-1890; by ferstjerren sûnder berop te Minnertsgea; KG
3 Evert Theunis Marra, folget VI
4 Rinske Theunis Marra * Minnertsgea 10-2-1860 + dêr 26-6-1860, 4 moanne; KG
5 Rinske Theunis Marra * Minnertsgea 24-7-1861 + Grand Rapids; KG; emigreart op 27-2-1892 mei man en bern nei Noard Amearika ‘unidentified region’, se komme telâne yn Harrison, Súd Dacota, dêr’t se in pleats keapje dy’t se nei sa’n fyftjin jier foar in grypstehealstoer fan ’e hân dogge fanwegen oanhâldende drûchte; se ferfarre dêrnei nei Grand Rapids;
x Barradiel 14-11-1889, 28 en 32 jier, Wybren Annes Hoekstra * Deinum 1-1-1857 + Grand Rapids 5-1-1939, 82 jier; by trouwen timmerman te Minnertsgea; sûnt 1892 boer te Harrison; sn fan Anne Freerks Hoekstra en Dettje Wybrens Winkler, boeren op Nij Oetsma Sate te Deinum (hûsnr 4), beide yn 1889 sûnder berop te Boksum
Sjoch: De Jelsumer Hoekstra’s, Stichting De Jelsumer Hoekstra’s, Ljouwert, 1990; side 219; ISBN 90 800461 0 8
6 Antje Theunis Marra
13-9-1864 + dêr 6-6-1884, 19 jier; by ferstjerren sûnder berop te Minnertsgea.
 

In greep út it replik en ûnreplik guod
fan Theunis Oepkes Marra
Theunis Oepkes keapet yn 1842 lân fan Marten Annes Ypma Marten Annes Ypma – Wikipedy, skipper te Minnertsgea, sûnt 1845 Kristlik Ofskieden dûmeny te Hallum, en sûnt 1847 idem te Vriesland, Noard Amearika.
Dat der nauwe bannen wienen tusken Ofskiedenen sil ek blike út it feit dat Theunis as jildsjitter hat Baukje Albarda, widdo fan Douwe Gerrits Bakker, foaroanman by de Ofskieden; hy lient fan har yn 1847 f 1.700,00.
-Theunis Oepkes keapet op 17-3-1842 fan Marten Annes Ypma te Minnertsgea in stik boulân te Minnertsgea; keapsom: f 700,00; notaris: Pieter Steensma te Minnertsgea; Repertoire: 105024

-hy hat op 29-12-1843 in skuld by Bottje Harmens Steinfort te Harns, widdo fan Jelle Louws Fopma; kapitaal: f 1.000,00; notaris: Pieter Steensma te Minnertsgea; Repertoire: 105024
-hiert op 26-1-1844 lân fan ’e Herfoarme Tsjerkfâdij te Mnnertsgea
-hat op 17-1-1845 in skuld by Baukje Gerrits Albarda, widdo fan Douwe Gerrits Bakker te Skearnegoutum; kapitaal: f 1.700,00; notaris: Cornelis Wiersma te Ljouwert; Repertoire: 079084

-hat op 15-4-1845 in skuld by Luitje van Dijk te Harns; kapitaal: f 350,00; notaris: Pieter Steensma te Minnertsgea; Repertoire: 105024
-hiert lân te Minnertsgea foar 7-8 jier fan Reneé Louis de Fielliettaz Goethart te Den Haach; hiersom 112,00 yn ’t jier; notaris Pieter Steensma te Minnertsgea; Repertoire: 105024

-keapet op 16-9-1854 fan Sjoerd Rommerts Tuinhof te Furdgum in perseel boulân te Minnertsgea; keapsom: f 700,00; notaris: Albert Witholt te Seisbierrum; Repertoire: 117028
-hiert op 28-9-1854 lân te Minnertsgea fan Tjalling Minne Watse Els baron Collot d’ Escury te Minnertsgea
-hiert op 11-11-1854 perselen 17 en 18 te Minnertsgea fan Reneé Louis de Fielliettaz Goethart te Apeldoarn
-keapet op 15-7-1856 fan René Louis de Fielliettaz Goiethart te Den Haach de perselen boulân 17 o/m 20 en 22 út de sate en lân Elgersma State te Furdgum; notaris: Albert Witholt; Repertoire: 117028

-keapet op 16-2-1855 fan Hermanus Christoffel Grosjean te Ljouwert in hûs mei de dêrneist ferbûne Kristklik Grifformearde Tsjerke te Minnertsgea; keaqpsom: f 1.602,00; notaris: Albert Witholt te Seisbierrum; Repertoire: 117028;
-hat op 30-4-1855 in skuld by Arnoldina Huberta Chernac Slichtenbree te Ljouwert; kapitaal: f 4.000,00; notaris: Albert Witholt; Repertoire: 117028

-ferkeapet op 29-6-1861 oan it College van Kerkeraad van de afgescheiden Gemeente van Minnertsga (âlderlingen: IJsbrand Jelgerhuis, Sake Hoekstra; diakens: Theunis Hendriks Norbruis, Sije Dirks Algera); keapsom: f 2.800,00; notaris: Albert Witholt; Repertoire: 117028

-hat op 30-4-1855 in skuld by Arnoldina Huberta Chernac Slichtenbree te Ljouwert; kapitaal: f 4.000,00; notaris: Albert Witholt; Repertoire: 117028

-hiert 30-8-1862 lân ûnder Minnertsgea fan Reneé Louis de Fielliettaz Goethart te Apeldoarn
-keapet op 5-1-1864 fan Jelle Cornelis Tjessinga te Minnertsgea trije perselen boulân te Minnertsgea; keapsom: f 2.300,00; notaris: Albert Witholt; Repertoire: 117028
-ferkeapet op 5-1-1864 oan Johannes Jacobs de Valk te Minnertsgea it hûs nr 142 te Minnertsgea; keapsom: f 700,00; notaris: Albert Witholt; Repertoire: 117028

-hat op 4-5-1887 in skuld by Theodorus Marius Tresius Looxma te Oentsjerk; kapitaal: f 6.000,00; notaris: Albert Witholt; Repertoire: 117028
-ferkeapet op 1-9-1873 oan Cornelis Arjens Kuiken te St.-Jabik in hûs en hiem mei fiif perselen boulân en in loss tik boulân te Furdgum en Minnertsgea; keapsom: f 15.000,00; notaris: Albert Witholt; Repertoire: 117028

-ferkeapet op 18-11-1873 oan Frans Theunis Wiersma te Tsjummearum in perseel boulân te Minnertsgea; keapsom: f 1.000,00; notaris: Andries Gerrits van der Hoek te Minnertsgea; Repertoire: 105039.

VI
Evert Theunis Marra * Minnertsgea 17-10-1857 + Orange City, Iowa, USA 17-1-1938, 80 jier; KG, letter HN; timmerfeint te Minnertsgea, by trouwen dêr sûnder berop; wennet yn 1876, ’77 yn Kampen; yn 1877, ’79 timmerman te Minnertsgea; yn 1879, ’80 timmerman-oannimmer te Folsgeare; komt op 5-7-1880 te Minnertsgea; emigreart op 15-3-1881 mei de húshâlding út Minnertsgea nei Orange City, Iowa, Noard Amearika;
x Wûnseradiel 17-5-1879, 21 en 19 jier, Trijntje Bernardus de Boer * Arum 3-9-1859 + Orange City, Iowa, USA, 4-6-1929, 69 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Arum; dr fan Bernardus Rientses de Boer en Jentske Pierius Lycklama à Nijeholt, boeren te Arum
Sjoch: https://www.genealogieonline.nl/genealogy-harssema/I318402.php

-Evert Marra te Oranje City ferkeapet op 17-12-1890 yn ’e mande mei Nicolaas Heukels te Surhuzum en Wybren Hoekstra te Minnertsgea oan Sjoerd Meinderts Zwart te Minnertsgea in hûs mei hôf te Minnertsgea; kepsom: f 1.200,00; notaris: Siemon Mossel te St.-Jabik; Repertoire: 066021; yn 1891 ferkeapet Evert yn ’e mande mei deselden y.f.m. in boedelskieding huzen en boulân te Minnertsgea;
-Evert ferkeapet op 28-3-1891 Douwe Jans Reitsma te Nijlân in hûs mei timmerwinkel te Nijlân; keapsom: f 1.150,00; notaris: Siemon Mossel te St.-Jabik; Repertoire: 066021

-Evert Marra te Oanje City hat op 20-9-1901 by in boedelskieding in part yn in sate en lân ûnder Arum; wearde: f 42.743,00; notaris: Jan Klaasesz de Boer te Wytsmarsum; Repertoire: 136058; fermeld: Klaas Ruurds Kuipers te Arum

Bern:
1 Jenske Marra
(yn berte-akte: Jenske; ek: Jentske) * Minnertsgea 3-6-1880
2 Teunis Oepkes Marra, folget VII
3 Ben Marra * Orange City, Sioux County, Iowa 17-1-1884 + dêr 22-2-1942, 58 jier
4 John Everett Marra * Orange City, Sioux County, Iowa + 1969, 83 jier
5 Clara Marra * Orange City, Sioux County, Iowa, 1888 + Maurice, Sioux County, 23-2-1916;
x 1911 Albert Popma * Pella Marion, Iowa, 27-10-1882 + Sioux Center, Iowa, 7-2-1954, 71 jier
6 Nicolas Marra * Orange City, Sioux County, Iowa 6-1-1894 + Alton, Sioux County, 23-11-1961, 67 jier;
x Jennie van Laar * Alton, Sioux County, 12-1-1894 + Orange Black Hawk, County Iowa 17-10-1981, 87 jier.

VII
Teunis Oepkes Marra
* Orange City, Sioux County, Iowa, 21-8-1881 + dêr 2-4-1958;
x Hattie Kosters * Sioux Center, Sioux County, Iowa, 3-5-1885 + Sioux County 12-1964, 79 jierBern:
Everett Marra
* West Branch Township, Sioux County, Iowa, 11-10-1924 + Santa Clara, Californië, 16-8-1974, 49 jier.