Home » Famyljes » Nammensma » Genealogy Nammensma

GENEALOGY NAMMENSMA

Donia state, Hoarnestreek 1 ûnder Seisbierrum.
Donia-Jukema-Nammensma-Jukema buorket hjir sûnt 1700, de tsiende generaasje

It doel fan dizze genealogy is hâldfêst te bieden by it ynvintarisearen, argivearen en foar de takomst feilich stellen fan Jukema-argiven, sawol fan ’e ûnderskate stagen as de bedriuwen.
De lju dy’t yn sokke argiven foarkomme ha hjir har plak yn famyljeferbannen. Om effisjinst nei nammen en feiten te sykjen, is de sykfunksje ûnmisber.


It giet hjir foarearst om de Bjirrumer Nammensma’s, dy’t ôfstamme fan Nammen Nammens Nammesma en Bottje Jelles (VI), húslju te Tsjummearum en bouboeren te Boer.

In oar foarnimmen by dizze ûndernimming is skiednis aktualiseare: by it hjoed út ein sette en dêrútwei nei it ferline sjen. Dat betsjut dat libbene skiednis by de bern begjint, want it giet oer har eigen fermidden en namme. In avontuerlike syktocht nei harsels, har eigenaardige foarâlden, nei de betreklikens fan har ‘folk’.
 Trochsykjen sûnder ein. Gean dat avontuer oan mei jo bern, bernsbern en fertel fan alles deromhinne. Bern binne der sljocht op!

Je kinne mei har bygelyks de folgjende soarte fan fragen trochnimme.
Hoefier giet dyn foarnamme werom? Of dy fan pake en beppe? Wat dogge heit en mem deis? Is dat heel wat oars as wat dy har heiten en memmen dienen? Wêr wennen se? Sykje dy plakken mar even op – net allinne op dyn mobyltsje, gean der mar ris hinne mei dyn freondintsje en freontsje en sjoch wat jim om jim hinne sjogge. Wat is der feroare yn ’e lêste 100 jier tinke jim? Wienen der auto’s? Koenen de minsken doe wol patat mei mayo krije? Wêr reizgen se mei fakânsje hinne? Hoe? En hoefaak, trije kear yn ’t jier? Gongen se sneins twa kear nei tsjerke? Wêrom?
As dat der yn sit, meitsje dan mei-inoar ris in byldzjend famyljeferhaal, mei in soad foto’s en rake koarte teksten.

As it Frysk te moeilik is, wit beppe of pake it wol – en oars stiet Google Translate paraat.

Dit is wurk yn útfiering. Erfgoed Fundaasje stelt ferbetteringen en oanfullingen behoarlik op priis.
Foar de oanklaaiïng fan in genealogy/stambeam binne foto’s en oar argyfmateriaal fansels fan belang, sawol fan ’e lêste generaasjes as dy fan fierder tebek.
As jo soks ha, wolle wy dat graach fernimme: info@erfgoed-fundaasje.nl. Sjoch foar ús wurkwize: Oer ús.

Undersyk: Erfgoed Fundaasje – Goasse Brouwer; earste generaasjes: Joop Woudstra, sjoch: Parenteel Nammen Nammens, Kertiersteat Feycke Nammens
Meidielingen: Nely Jukema-Nammensma en Ane Jelles Jukema
Portretfoto’s: Kolleksje Jukema-Nammensma
Boarnen: argiven Boargerlike Stân en Notariële argiven.

Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
FE = Frij Evangelys/Free Evangelical
HA = Gemeente der Herstelde Apostolische Zendingskerk/Congregation of the Renewed Apostolic Mission Church
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
KO= Kristlik Ofskieden/Christian Seperation
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Wat is in stamrige?

YNHÂLD
Generaasjes I en II – In foarâlderlik slach yn ’e loft – om 1555 hinne
§ In echte bouboerspleats – Fjouwer kij en fiif hynders – 1831
§ It skriuwen moat wenne – Reintsje Ales tekenet wol en net – 1867
§ Wat is yn in namme? De Nammensma’s farieare alle geduerigen har namme – 1808
§ It besit fan Nammen Nammens Nammensma te Rie – 1832
§ In tûke boer en kundich bestjoerderGerryt Jans Nammensma leart it fak fan syn fâd – 1855
§ Fergees erfd – Gjin sint, wol de stateNeeltsy Donia mei Nammen Nammensma en bern op Donia – 1852
§ Skraabjen om ’e kant – Piter Ales Nammensma: boer, koaltsjer, komelker, arbeider – 1858
§ Arbeider-koaltsjer-gernier-boer – Bedriuwichheid giet op en del – 19e iu
§ Fan Herformd nei DoopsgesindNammensma’s fanâlds otterdoks Kalvinist – 1870
§ Hoe faak ferfard in faam – Jantsje Nammensma ferkeart op mear as tweintich plakken – 1892 -1906
§ In sit yn Tsjerke, Steat en Maatskippij – In begoedige boer is nammentlik ek bestjoerder -1880
§ Heech oanskreaun – Neeltsy en Nammen benammen konsiderabel op ’e belestinglist
-1890
§ Ferdieling bûdel fan Neeltsy en Nammen – Twa pleatsen en in hearebank -1909
§ Fan slachte oant slachte
– Tsien generaasjes Donia-Jukema-Nammensma op Donia – 325 jier: 1700-Anno N0
§ Yn steat fan onfermogen steld – Sytze Jelles oan raapsein – 1890
§ Martentsy Sytzes Nammensma en Migyl Hoogterp har steat fan tsjinst – 20 steeën yn 28 jier arbeidersbestean – 1897-1925
§ Ynwenjend faam en los-fêst arbeider – Hooplik mei genûgen ûnderdak – 1927
§ n Hannelsman in goeie doen – Peerdekoopman Isaäk Nammensma doet ok in lând en húzzen – 1903
§ Frije nammefoarkar – arichheid en erges útsuvering? – Isaackje of IJzakje? Jouwsma of Joŭwsma? – 1825
§ In echte greidboerspleats – In tredde part boulân – 1886
§ Hyltsje-en-dy: fan ferhúzjen net frjemdFan Alde Maaie op Alde Maaie fan plak nei plak – 1868-1915
§ Portrettegalerij I – Staach Sjoerd Meinderts Nammensma en Eelkje Jacobs Viersen
§ Portrettegalerij II – Staach Jan Nammens en Geertrui Koudenburg
§ Tefreden pasjinten
– Adverteare mei dokter Nammensma syn goede namme – 1930
§ Libbenssketsen fan Jan Nammensma en Piet Houtsma – Dochter Nely fertelt – 19

STAMRIGE

GENERAASJE I

Generaasjes I is hjir werjûn mei in fikse histoarise slach om ’e earm.
Om mear dúdlikens te krijen – ek oangeande de generaasjes II en III – en fierderop te kommen, kin dêr noch ûndersyk nei dien wurde: sawol Ljouwerteradiel as It Bilt ha noch wol aardich argyf om dy tiid hinne.

I
Namne Johannis; libbet omstrings 1555?
of
Nammen Nammens?

II
Nammen Nammens * Hijum omstrings 1585?; hy hat op 22-9-1659 en 10-11-1659 yn ’e mande mei Joost Meynerts in skeel mei Jelle Sakes te Hijum om twa ‘varckens offe bargen’ (Sentinsjeboek 61/295).
Der is gjin grissel bewiis fûn dat der in ferbining wêze soe mei Namne Johannes te Froubuorren, sjoch: Joop Woudstra, Parenteel Namne Johannes
Sjoch: Herman Andringa, Tsjikke Andringa, Ype Brouwers, Piter Andringa, Andringa – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden; Andringa Stichting, 2016
x 1 N.N.
x 2 Stiens 17-1-1640, hy fan Hijum, sy fan Stiens, Geertie Alberts; dr fan Albert Pyters?
Bern út it earste boask, mooglik:
1 Nammen Nammens, folget III
.1
Sjoch: Joop Woudstra, Parenteel van Nammen Nammens II-A
2 Nies Nammens; yn 1668 lidmaat te Stiens; hat op 21-3-1662 in foardering op Ansck Jouckes widdo fan Pieter Lamberts te Koarnjum; wennet as widdo te Berltsum;
x Stiens tiisdei 6-6-1634, hja fan Hijum, hy fan Stiens, Jelte Cornelis † foar 1668.
Fjouwer bern
Sjoch: Joop Woudstra, Parenteel van Nammen Nammens II-B

GENERAASJE III
III.1 Nammen Nammens
, ek neamd ‘De Oude’ * Hijum omstrings 1645 † Stiens?; Nammen en Pytie te Hijum binne op 4-5-1651 skuldich oan Aucke Goities en Lijsbeth Haytses te Hallum 25 goudgûne (Ljouwerteradiel 181 f. 143) en op 16-5-1652 skuldich oan Aene Siucks en Trijntie Fransen te Hijum skuldich 100 goudgûne, hja hawwe as ûnderpân in hûs en hôf yn ’e Buorren te Hijum; (Ljouwerteradiel 181 f. 143 ); Nammen wurdt op 5-5-1667 neamd as húsman te Stiens, troud mei Pytie Wytses (Ljouwerteradiel 185 f. 88); yn 1690 boer op ’e Mieden ûnder Stiens;
x Pytie Wytses
Bern:
1 Nammen Nammens, folget IV.1

2 Fopck Nammens; docht belidenis te Hallum 4-2-1669, wurdt yn it Lidmateregister dan Fopke Namnes neamd, as frou fan Pieter Huytes; keapet yn 1797 as widdo in hûs te Hijum;
x Hijum 24-11-1667, 3e proklamaasje te Hallum 3-11-1667, sy fan Hijum, hy fan Hallum, Pyter Hoytes † foar 10-7-1697
Sjoch: Joop Woudstra, Parenteel Nammens Nammens III-B

GENERAASJE IV
IV.1 Nammen Nammens
, ek neamd De Jonge, † fóár 1698; boer te Hijum; op 7-10-1675 keapje Nammen c.s. te Hijum en fierdere erfgenamten fan ’e ferstoarne Tiepcke Wijtses neffens keapbrief fan Sybe (Lieuwes?) in hûs mei bakkerij te Hallum (Ferwerteradiel 12 folio 62 en fierder); op 6-12-1682 is Nammen mei-erfgenamt fan Tiepke Wytses;
x Feinsum tongersdei 5-2-1669, hy fan Hijum, sy fan Lekkum, Tietske Feikes (ek: Tjietske, Tiets Feyckes); as widdo boerinne op Stim 41 te Stiens; op 10-12-1709 wurdt in sate ûnder Stiens (54 pûnsmiet) dy’t bewenne en bebuorke wurdt troch Tiets Feyckes, ferkocht troch de eigneres, de frou fan Johannes Questius op ’t Amelân, oan Claas Gijsberts c.u.; dr fan Feike Jans en Griet Pieters te Britsum en Lekkum
Bern:
1 Feycke Nammens, folget V.1
2 Sytske Nammens
~ Feinsum-Hijum 6-4-1673; is rekwirant (folmachtjouwer) oangeande in kwestje fan har dochter Gatske Jans, 11 jier, styfheit Jan Heres te Feinsum is kurator oer Gatske Jans (dr fan jan Oeges), en har guod (Nedergerjocht 18-5-1722)
x 1 Marsum 28-2-1697 (proklamaasje Feinsum-Hijum 21-2-1797), sy fan Hijum, hy fan Marsum, Tiete Wouters (ek: Tiede) * omstrings 1670 † fóár 26-11-1708; út dit boask trije bern;
Tiete x 1 Tjets Wybes
x 2 Huzum 1711 Jan Oeges * Huzum omstrings 1658 of ’59 † fóár 18-5-1722; húsman te Huzum; sn fan Oege Sybrens en Grietie Gerrardi; út it boask fan Sytske en Jan twa bern;
Jan x 1 Murckien Doedes
x 3 Jan Heres, yn 1722 húsman te Feinsum, wennet ek te Koarnjum;
Jan x 2 Frouw Dircks
3 Grietje Nammes ~ Feinsum-Hijum 11-6-1676 † fóár 19-4-1732; bouboerinne te Stiens; besit by har ferstjerren in hûs te Stiens en in snikskip farrend fan Stiens op Ljouwert;
x Hijum 8-5-1701, beide fan Hallum, Roeloff Jans * omstrings 1675 † fóár 19-4-1732; húsman op ’e Mieden ûnder Stiens; yn 1702 komelker achter Stiens; skipper te Stiens; sn fan Jan Roelifs en Antie Minnes, húslju ûnder Hallum
4 Tyttie Nammens
~ Feinsum-Hijum 15-9-1678
5 Tiettje Nammens
(ek: Tytje) ~ Stiens 5-9-1680
x Hijum 17-5-1705, sy fan Hijum, hy fan Bitgum, Reijner Pytters * ~ Britsum 2-2-1675; mooglik yn 1698 brûker fan stim 38 te Hallum (dêr hierder fan de bern en erven fan Margaretha Sybrandts Walta te Ljouwert, widdo fan Johan Johans Coenders); yn 1728 húsman op stim 58 te Hijum (dêr hierder fan sekretaris Johannes Hendricus Saeckma van Wijckel te Ljouwert); yn 1729 húsman te Hallum; sn fan Pieter Douwes en Ins Reiners
Yn 1698 is in Reinder Pyters eigner en brûker fan stim 14 te Koarnjum, dat sil wol net deselde wêze.
Neiteam: Boelstra en Miedema
Sjoch:
-Joop Woudstra, Parenteel Nammen Nammens, IV-D en V-C
-Goasse Brouwer, Genealogy Boelstra II.2
6 Nammen Nammens, folget V.2

7 Pyter Nammens, folget V.3
8 Lysbeth Nammens ~ Feinsum 29-5-1690

GENERAASJE V
V.1 Feycke Nammens
* omstrings 1675; boer te Hijum; hy en Pytrick komme op 20-11-1711 mei attestaasje fan Hijum te Marsum; wenje dêr yn 1712, ’19; yn 1711, 1728 boer te Hijum, brûker fan stim 5 en 10 ûnder Stiens, hierder fan jonker Tjalling Homme Camstra te Minnertsgea (Stimkohieren Ljouwerteradiel); yn 1749 dêr bouboer mei 2 en 3 persoanen, oanslach £ 38-0 (‘capitaal’ £ 1000); 26-2-1739 en 17-5-1742 administrearend tsjerkfâd te Hijum (Ferwerteradiel 77/358)
Oer it stimrjocht is yn 1728 skeel tusken houtfester Burmania, dy’t it stimrjocht útoefenet, en jonker Van Haersolte as heit fan syn bern, dy’t erfgenamten binne fan Fokel van Burmania
x Hijum-Feinsum 4-2-1700, hy fan Stiens, sy fan Marsum, Pytrick Sybrens Heslinga ~ Marsum 27-1-1675; dr fan Sybrandt Hanses Heslinga, doarpsrjochter te Marsum, en Antie Fercks Wiglama, boeren te Marsum

HESLINGA

Pytrick wurdt yn it Trouboek mei de namme Heslinga neamd; yn it Doopboek ha har beide âlden allyksa de achternamme by har.
Sjoch:
-Ype Brouwers, Genealogy Heslinga
-Jan T. Anema, Heslinga fan Marsum, Genealogysk Jierboek 2019, Fryske Akademy, Ljouwert 2019, side 69, VId.1.
Bern:
1 Anck Feyckes
(ek: Auck) ~ Hijum 15-12-1700;
x Harmen Hendriks; boer te Feinsum
2 Nammen Feyckes
~ Hijum 29-6-1704
3 Nammen Feyckes, folget VI.1
4 Tjietske Feikes
~ Marsum 18-12-1712;
x 1 Reyner Sjoerds
x 2 Jan Klases

V.2 Nammen Nammens ~ Feinsum-Hijum 14-5-1683 † 22-12-1767, 84 jier; yn 1729, ’60 húsman te Stiens (hy wurdt dan Namme Nammes neamd); docht belidenis te Stiens 6-2-1698 (dan wurdt er Namne Namnes neamd); yn 1706 keapman te Stiens;
Nammen en Saapke keapje op 29-3-1749 fan Anne Jacobs Balkeindstra 7 pûnsmiet ûnder Feinsum;
Nammen ferkeapet op 7-5-1752 in tichelwurk te Stiens, de keapers krije it rjocht om 25 pûnsmiet ûnder Hijum ôf te graven;
Nammen en Saapke keapje op 25-5-1753 de helte fan 2 1/2 pûnsmiet âlde greide op ’e Hijumer Mieden, dêr’t se de oare helte fan al yn har besit hawwe;
yn 1700 lit in Namne Namnes in dochter Antje te Jelsum dope, mooglik is dit deselde;
x 1 Stiens 15-7-1708, beide fan Stiens, Trijntje Jacobs
x 2 Stiens 19-5-1709, beide fan Stiens, Japke Wopkes; út dit boask trije bern;
x 3 Stiens 17-8-1742, beide fan Stiens, Saapke Sybes Andringa † 1-1-1760; dr fan Sybe Nammens (út it Andringalaach fan Akkrum) en Jantie Bottes; boeren te Stiens op stim 60
Sjoch: Herman Andringa, Tsjikke Andringa, Ype Brouwers, Piter Andringa, Andringa – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden; Andringa Stichting, 2016, B1, side 53;
Saapke x 1 Willem Thysses de Vries
Bern út it twadde boask:
1 Trijntje Nammens * Stiens ~ Feinsum 23-2-1710
2 Nammen Nammens (ek neamd: de Jonge) * Feinsum ~ Feinsum-Hijum 1-1-1713

V.3 Pyter Nammens * Stiens (neffens Doopboek) 8-5-1687 ~ Hijum 16-5-1687; boer op ’e Stienzer Mieden; yn 1722 boer op ’e Feinsumer Mieden;
x Feinsum-Hijum 29-3-1720 Antie Sijes * Lekkum omstrings 1696; dr fan Sije Tjeerds en Trijntje Annes
Bern:
1
Nammen Pyters Poelstra * Hijum 14-10-1725 ~ Hallum, op belidenis, 17-5-1757 † Stiens 8-5-1795; bouboer op De Ljip te Stiens;
x Hallum 13-5-1753, 27 en 23 jier, Trijntje Harmens Hellema * Hallum 9-10-1729 † Stiens fóár 1812; bouboerinne op ’e Ljip; dr fan Harmen Bauckes Hellema en Antje Hylkes, bouboeren te Hallum.
Fjouwer bern.
Sjoch:
-Joop Woudstra, Parenteel Nammens Nammens V-E
-Goasse Brouwer, Genealogy Hellema II.2.4
Neiteam: Poelstra, Halma, Hallema en Lipstra
2 Sije Pyters * Feinsum, op ’e Mieden, 31-5-1722
x Feinsum 26-1-1755 Trijntje Sybrens
3 Tjitske Pyters * Feinsum 31-10-1723 † Britsum 24-4-1809, 85 jier
4 Reiner Pyters * Hijum 29-7-1727
5 Jan Pyters * omstrings 1730; húsman te Stiens; Jan en syn broer Piter wurde oanjûn fanwegen dieverij;
6 Tjeerd Pyters ~ Hijum 27-9-1733; húsman te Stiens
x Hijum 28-6-1772, beide fan Feinsum, Dieuwke Douwes * 1748/’49; dr fan Douwe Dirks en Saakje Oenes

Bern fan Sije Pyters (V.3.2) en Trijntje Sybrens:
1 Trijntje Sijes * Feinsum 26-9-1762 † Hallum 5-8-1804, 41 jier; bouboerinne, mei har trouwen en by de berte fan har soan Abraham op 19-11-1787 te Froubuorren, yn 1797, 1802 ûnder Feinsum;

x 1 Steffen Ymes Bouma
x 2 Froubuorren 27-5-1787, beide fan Froubuorren, Sierd Abrahams Heidanus * Stiens, ûnder Froubuorren, 19-4-1761 (neffens Registres civiques 1811-’12 is syn bertedatum 9-3-1761) † Hallum 25-8-1826, hûsnr 264, 65 jier; húsman te Froubuorren, Feinsum en ûnder Hallum; Sierd komt op 7-12-1804 mei attestaasje fan Feinsum te Hallum; sn fan Abraham Jurjens Heidanus (fiert yn 1775 syn achternamme al) en Hyke Sierds, bouboeren ûnder Froubuorren (neffens syn stjerakte is er in soan fan Abraham Sierds en Hyke Sijes, en troud west mei Trijntje Tjæpkes; dat binne alllegear net-krekte opjeften fan syn tsjûgen dy’t oanjefte fan syn ferstjerren dogge)
Sierd x 2 Froubuorren 11-5-1806, hy fan Hallum, sy fan Hijum, Trijntje Tjipkes Bouma (ek: Bouwma) * Doanjum omstrings 1760 † Hallum 2-12-1824, 65 jier; bouboerinne te Foudgum, Feinsum en Hallum; komt op 13-11-1807 mei attestaasje fan Foudgum te Feinsum; dr fan Tjæpke Joukes en Tetje Machiels
-Sierd nimt op 20-2-1812 de achternamme Heijdanus oan, mar tekenet sels: Heidanus, en sa is dat letter ek wenst yn ’e Boargerlike Stân

-Sierd keapet op 23-11-1810 boulân te Hallum fan Klaaske Douwes, widdo fan Gribbert Andries en op ’e selde ei boulân te Hallum fan Jan Andries te Hallum; beide foar de keapsom fan f 375,00
-Sierd ferkeapet op 8-12-1812 oan Rinse Heins Nieuwsma, troud mei Arjaantje Cornelis Bijlsma, te Hallum, in hûs te Hallum; keapsom: f 1.995,00; notaris: Everhardus van Loon te St.-Anne; Repertoire: 004014
-Sierd hat op 7-5-1813 in skuld fan f 2.300,00 by it St. Anthonygasthûs te Ljouwert
Sierd hiert op 15-3-1817 lân te Hallum fan Pieter Tjeerds de Boer te Westenijtsjerk en fan Piebe Meines de Boer te Aldtsjerk; hier foar sân jier: f 371,00 yn ’t jier
-Sierd ferkeapet op 20-7-1819 oan Jan Jans de Roos en Jacob Gerrits Bosman, beide te Froubuorren, en oan Jan Symons Monsma te Hallum, boulân te Hallum; keapsommen respektivelik foar 1 en 2 f 1.020,00 en foar 3 f 810,00; notaris: Hendrik Saakes de Walle te Ferwert; Repertoire: 038007
-Sierd ferhiert op 16-2-1824 lân te Hallum oan Jitze Tjipkes Wiersma te Hijum; hiersom: f 335,00
-Sierd keapet twa moanne foar syn ferstjerren, op 24-6-1826, fan Abraham en Jurjen Leenderts Heidanus, beide te Feinsum, in hûs te Feinsum; keapsom: f 200,00; notaris: Johannes Adam Schaaff te Stiens; Repertoire: 128039

GENERAASJE VI
VI.1 Nammen Feykes
~ Hijum 2-10-1707; yn 1748 boer te Hallum, brûker fan stim 8; letter dêr ‘seer gering arbeider, die al sijn beesten verloren heeft’ (Kwotisaajekohier 1748)
x Foudgum-Raard 3-5-1733 Aalsen Sytses (ek: Aaltje)
Bern:
1 Feike Nammens
~ Hijum 30-5-1734
2 Sydse Nammens
~ Hijum 16-9-1736
3 Nammen Nammens, folget VII.1
4 Pyter Nammens
~ Hijum 20-10-1743
5 Lammert Nammens
~ Hijum 6-12-1744
6 Lammert Nammens
~ Hijum 20-10-1748 † Damwâld fóár 1800; wennet yn 1778, ‘98 mei de húshâlding te Damwâld; dêr kastlein en Mr bleker;
x Hijum 11-5-1777, hy fan Hijum, sy fan Damwâld, Mettje Tjibbes
Acht bern, allegear doopt te Damwâld; neame har Osinga
7 Antie Nammens ~ Hijum 9-5-1751

GENERAASJE VII
VII.1 Nammen Nammens Nammesma (yn stjerkakte: Namme Nammes Nammesma; postúm oars ek: Nammensma, bygelyks yn ’e stjerakte fan syn soan Nammen) * Hallum (of St.-Anne?) ~ St.-Anne 18-12-1740 † Rie 22-12-1817;
x Hallum 27-12-1767 Nieske Jans ~ Hallum 25-2-1748 † Tsjummearum 19-1-1808; bouboeren ûnder Hallum, sûnt omstrings 1774 idem te Tsjummearum; dr fan Jan Gerrits Krol † Halllum 13-6-1812, hûsnr 164, 95 jier, by ferstjerren dêr rintenier (by de namme-oannimming yn 1812 kin Jan net skriuwe), en Sijke Alberts, bouboeren te Hallum
By it ferstjerren fan Nies is Nammen iennichste oanjouwer út namme fan Jan, Sijke, Gerrit en Ale Nammensma; Memorie van Successie – ynskriuwing 18-4-1808
Bern:
1 Nammen Nammens Nammensma, folget VIII.1
2 Jan Nammens Nammensma, folget VIII.2
3 Sijke Nammens Nammensma – alias Senior (Sijke komt ek sûnder achternamme tefoaren en mei de tafûging Senior) * Hallum 18-3-1774 ~ dêr 17-4-1774 † Rie 23-2-1848, hûsnr 7, 73 jier; yn 1830 ’grofsmederij houdende’ te Rie, yn 1834 en by ferstjerren dêr sûnder berop, mar yn ’e Memorie van Successie yn 1848 stiet noch al: ‘smederij drijvende’ (pakesizzer Murk Rientses Bouma erft dy smidte); Sijke en Murk wurde 15-4-1802 op belidenis te Rie oannommen;
x Tsjummearum, mei attestaasje fan Rie, 2-7-1795, sy fan Tsjummearum, hy fan Rie, Murk Rinses Brunia * Rie 1-1-1769 ~ dêr 22-1-1769 † dêr 10-6-1829, hûsnr 7, 60 jier; grofsmid te Rie; sn fan Rinse Sjoerds en Antje Arjens, grofsmidslju te Rie
Sijke en Murk fiere de achternamme net by it trouwen fan dochter Nyske yn 1821; yn ’e trouakte fan dochter Antsy yn 1824 likemin, Sijke wurdt dan Sijke Nammens Senior neamd, it Notarieel Argyf op 26-11-1846 by de akte oangeande har testamint allyksa en yn har stjerakte ek; yn ’e trouakte fan Nyske yn 1826 wurdt Murk wol mei Brunia toaid
-Sijke Nammens Nammensma is op 13-5-1839 skuldeasker fan Cornelis Stevens Proost te Tsjummearum; skuld: f 500,00; notaris: Andries Stinstra te Frjentsjer; Repertoire: 040035
-Sijke keapet op 28-8-1843 fan Augustinus Gaetius van Dalsen Fontein te Dronryp, boulân te Rie; keapsom: f 3.793,00; notaris: Isaac Telting te Frjentsjer; Repertoire: 041035
-Sijke Nammens – ek wer sûnder fan – ferkeapet op 3-4-1847 by boelguod ferskaat; opbringst: f 2.509,00; notaris: Pieter Steensma te Minnertsgea; Repertoire: 105024
4 Gerrijt Nammens * Tsjummearum 8-10-1775 ~ dêr 10-12-1775
5 Akke Nammens * Tsjummearum 4-4-1777 ~ dêr 20-4-1777
6 Gerrijt Nammens * Tsjummearum 23-8-1783 ~ dêr 21-9-1783 † dêr 3-10-1811, hûsnr 10, 28 jier; yn ’e stjerakte wurdt gjin berop neamd, dat kin der op tsjutte dat Gerryt siik wie.
Yn ’e stjerakte wurdt Gerryt Gerrit Nammes neamd, sûnder achternamme.
7 Ale Nammens Nammensma, folget VIII.3

GENERAASJE VIII
VIII.1 Nammen Nammens Nammensma * Hallum, neffens stjerakte, ~ Hijum 9-6-1768 † Boer 11-9-1847, nr 7, 79 jier (neffens syn stjerakte is er dan 78 jier); by trouwen en yn 1812, ’13 bouboer te Tsjummearum, yn 1826 ‘erfgezeten’ húsman te Boer, oant syn ferstjerren mei 79 jier; floreenûntfanger foar Boer, oant syn ferstjerren;
x Tsjummearum 12-6-1796, hy fan Tsjummearum, sy fan Easterbierrum, Bottje Jelles ~ Easterbierrum 28-4-1771 † Boer 10 juli 1848, hûsnr 7, 77 jier; bouboerinne te Tsjummearrum, letter te Boer oant har ferstjerren mei 77 jier; dr fan Jelle Gerrits en Yzaakje Jans van Asperen, bouboeren te Easterbierrum, sûnt 1766 op Haerda state
Sjoch: Goasse Brouwer, Genealogy Jukema§ Jukema, Donia en Nammensma stamme út itselde skaai
Nammen is fâd oer de bern fan syn broer Ale by dy syn ferstjerren yn 1826;
-hy ferkeapet yn ’e mande mei Nieske Ales Nammensma te Arum op 25-7-1835 in partij meubels, húsrie en fruchten; opbringst: f 1.012,00; notaris: Esge Taco Kuipers te Bolswert; Repertoire: 016050
By de boedelskieding op 7-5-1849 is der ûnrepik guod te Boer en replik guod: in sate en lân (kadastrale gemeente Rie: B nr 6); wearde: f 60.001,00; efgenamten binne: Nammen te Rie; Isaacje te Tsjom, frou fan Klaas Sytzes Jouwsma; Nieske te Wier, frou fan Klaas Wops Schat; Antje te Tsjummearum, frou fan Paulus Johannes Ennema; Jelle te Rie; notaris: Gijsbertus Schot te Frjentsjer; Repertoire: 041086
-Fan Nammen en Botsy binne gjin rou-advertinsjes fûn.
Bern:
1 Nammen Nammens Nammensma, folget IX.1

2 Ysakje Nammens Nammensma * Tsjummearum 9-8-1800 ~ Rie 31-8-1800 † Tsjom 29-1-1869, hûsnr 93, 68 jier; by trouwen sûnder berop te Boer; greidboerinne op Barrum (93) ûnder Tsjom, oant har ferstjerren mei 68 jier;
x Hinnaarderdiel 16-9-1822, 22 en 28 jier, Klaas Sijtzes Jouwsma * Wommels 17-9-1793 † Tsjom 8-6-1855, nr 93, 61 jier; by trouwen sûnder berop te Wommels, dêrnei greidboer op Barrum ûnder Tsjom (nr 93); sn fan Sytse Klazes Jouwsma, tsjerkfâd te Wommels, en Trijntje Lolkes Terpstra, greidboeren te Wommels (nr 77)
-Klaas ferkeapet yn ’e mande mei syn suster Rinske, troud mei Dirk Tiedes Bijlsma, timmerman te Wommels, en sweager, Auke Beernts Schuringa, widner fan Marijke Sytzes Jouwsma, boer te Kubaard, op 19-3-1834 oan Eeltje Sjoukes Winia te Frjentsjer, Dirk Jans Fontein, seehanneler te Harns en sweager Dirk Tiedes Bijlsma, in sate en lân mei hûs en skuorre te Wommels; keapsom: f 12.443,00; notaris: Wytze Keimpes Hoekstra te Wommels; Repertoire: 140011; – dit is de âlderlike pleats, mem is ferstoarn yn septimber 1833.
3 Nieske Nammens Nammensma * Tsjummearum, op ’e Mieden, 21-10-1801 ~ Rie 29-11-1801 † Berltsum 15-1-1878, hûsnr 374, 76 jier; by trouwen sûnder berop te Boer, dêrnei bouboerinne te Wier, as widdo idem te Berltsum (161BK), oant har ferstjerren mei 76 jier; Nies en Klaas dogge op 22-10-1929 belidenis te Wier;
x Menameradiel 17-5-1826, 24 en 25 jier, Klaas Wops Schat * Wier 15-5-1800 ~ 8-6-1800 † 18-8-1851, hûsnr 17, 51 jier; by trouwen en dêrnei bouboer te Wier; dêr diaken en tsjerkfâd; sn fan Wop Douwes Schat en Grietje Klazes de Groot, bouboeren te Wier, Gryt as widdo idem te Berltsum
Njisk wurdt yn it Notarieel Argyf yn 1855 neamd: Niskje.
-Fan Njisk en Klaas binne gjin rou-advertinsjes fûn.
Under de neilittenskip fan Klaas Wops is ûnder oaren in hûs te Wier en te Berltsum, grûn te Wier, Berltsum en St.-Jabik.
4 Jelle Nammens Nammensma * Tsjummearum, op ’e Mieden, 28-1-1804 ~ Rie 26-2-1804
5 Antje Nammens Nammensma * Tsjummearum, op ’e Mieden, 13-10-1805 ~ Rie 29-12-1805 † dêr 21-9-1894, 88 jier, [] Tsjummearum; by trouwen sûnder berop te Boer; dêrnei bouboerinne te Tsjummearum; by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Frjentsjerteradiel 30-8-1829, beide 23 jier, Paulus Johannes Ennema * Doanjum 1-5-1806 † Tsjummearum 27-2-1868, hûsnr 156, 61 jier, [] Tsjummearum; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum; dêrnei dêr bouboer (156k); gemeenteriedslid fan Barradiel, oant syn ferstjerren; sn fan Johannes Paulus Ennema, assessor fan Barradiel, oant syn ferstjerren yn 1849 (hûsnr 5), en Wintje Wytses de Boer (ek: Wentje), yn 1806 húslju te Doanjum, yn 1810 te Frjentsjer, yn 1829 koaltsjers te Doanjum (Jehannes keapet dêr yn 1826 in hûs en hôf c.a. en boulân), yn 1832 dêr kastleins (Jehannes keapet dêr yn 1826 in hûs en herberch, nr 5), Wintsje wennet as widdo te Hitsum
6 Jelle Nammens Nammensma * Tsjummearum, op ’e Mieden, 2-1-1810 ~ Rie 4-2-1810
7 Jelle Nammens Nammensma, folget IX.2

Leeuwarder Courant, 15-6-1855
Leeuwarder Courant, 5-2-1869
Leeuwarder Courant, 6-3-1868
Leeuwarder Courant, 25 en 28-9-1894

§ Frije nammefoarkar – in arichheid en erges útsuvering?
De frije foarkar by nammen – of is ’t in opstiging? – it is yn alle gefallen in nijsgjirrigens yn ’e 19e iu.
Ysaackje Nammensma tekenet sels yn har trou-akte: Ysaackje. Is dy ck bewustwêzen fan ferbûnens – ta it foargeslacht fan iuwen her? Wol se dy ck dêrta boekstave as konnotaasje nei in ferlangen nei wêzentlik bestean, dat foarâlderlik trochjûn is? Mei dy ck leit Ysaackje fansels mei selsbesef oars net yn ’e widze. Yn it Doopboek fan Tsjummearum skriuwt dûmeny mei syn eigen uteraard goedbedoelde en net wittende willekeurige kar har yn mei de doopnamme Ysakje. Yn har rou-advertinsje is dat IJsackje wurden, de ck is oanwêzich. Yn akten fan ’e Boargerlike Stân farieart it fan Ysaacje, Ysaakje nei Yzaakje, en mear fan dat alles. De ck is fuort.
Yn har trou-akte beneamd de amtner har as Namsma. Ysaackje skriuwt dêr sels: Nammensma.
Ysaackje har man Klaas Sytses tekenet by syn trouwen Jowsma; yn akten farieart er by gelegenheden op in rychje:
-by Botsje har geboarte yn 1823 jout er syn foarnammen Jowsma mei, by Botsy har trouwen yn 1844 Joŭwsma, Botsy tekenet dan sels sûnder har heites omkearde breedteken, dat sadwaande: Jouwsma
-en Klaas tekenet Joŭwsma
, by de berte fan Tryntsje yn 1825, Sytze yn 1828, Nammen yn 1832
-en Jouwsma, by de berte fan Jelle yn 1835.
Klaas syn heit Sytse kiest goed bewust of even yn in opstiging wol geregeld Joŭwsma.
Dat omkearde breedteken (accent circonflex) op de u tsjut palatalisaasje oan.

Yn ’e Boargelike Stân wurdt Sytse gauris Sijtze. En sa wurdt Sytske op ’t lêst Sijtsche. De oarspronklike klanken wurde der geandewei útsuvere.
Klaas tekenet Sytses mei in s, sa’t hy dat sels en de meiminsken om him hinne yn lûd belibje. En dêrfoaroer skriuwt Klaas wol Sijtses, mei in ij, sa soe er dat sels noait sizze – de ûneigenens slûpt der sachjesoanwei yn en krijt grûn.
Lit betekene skiednis dy slûpendewei útsuvering yn hantekeningen ek sjen? Lit dêrom Klaas syn mem dat letter-optochte Terpstra by de aktetekening meisin foar wat it is? Stelt se har ienichsins rekalsitrant op troch har pontifikaal nèt kiezen foar dy nije boargerlike achternammemoade? Se ís Tryn Lolkes, en hat dat altyd west, dat sadwaande: T – de dochter fan Lolke – en dêrmei sein.

Hantekeningen ûnder de trou-akte fan Ysaackje Nammens Nammensma en Klaas Sijtses Jowsma

VIII.2 Jan Nammens Nammensma – alias Jan Nammens Senior – * Hallum 20-7-1772 ~ dêr 6-9-1772 † Easterbierrum 1-3-1830, hûs Letter O nr 80, 57 jier; bouboer te Easterbierrum;
x 1 Bitgum 9-10-1803 Marijke Berends Hopping (nammen ek skreaun as Marike/Maria Beerns – yn trou-akte fan soan Gerryt yn 1855 – Heupink/Heüpink/Hoping) * Winsum 17-7-1778 † Bitgum 5-2-1822 (hûsnr 93), 44 jier, dr f. Beerend Heüpink te Winsum en Trijntje Jelles;
Marijke x 1 Sjoerd Sydses Koopal * omstr. 1769 † Bitgum 3-9-1808, 39 jier, eigenerfd bouboer op Lyts Aysma op Dyksterhuzen (hûsnr 93), gemeenteriedslid fan Menameradiel; sn fan Sjoerd Sydses Koopal en Sieuwke Dirks Pierson, bouboeren en keaplju op Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole
Sjoch: Goasse Brouwer, Genealogy Koopal/Koopmans V1
x 2 Barradiel 14-2-1827, 54 en 32 jier, Hiltje Pieters Dijkstra * Marsum 25-1-1795 ~ dêr 22-2-1795 † Seisbierrum 30-10-1877, hûsnr 35, 85 jier; by har earste boask húshâldster te Easterbierrum – by Jan Nammens, har lettere man, tink; by har twadde houlik boerinne te Easterbierrum, dêrnei dêr neamd sûnder berop; arbeidster te Seisbierrum oant har ferstjerren mei 85 jier, bygelyks sa neamd by it ferstjerren fan har dochter Nies yn 1877, mar yn har eigen stjerakte stiet dat hja dan gjin berop hat; dr fan Durk Pytters Dijkstra, by ferstjerren (dan Dirk Pieters Dijkstra) yn 1826 turfmjitter te Marsum (nr 80), en Hiltie Pytters van Eyck (ek: Van Eik), by ferstjerren yn 1829 sûnder berop te Marsum (nr 35);
Hiltsje x 2 Frjentsjerteradiel 12-3-1831, 36 en jier, Sybrandus Hendriks Reitsma * Tsjummearum 29-10-1801 ~ dêr 5-11-1801 † Seisbierrum 20-2-1871, nr 116, 69 jier; by trouwen arbeider te Easterbierrum; dêrnei idem te Seisbierrum (nrs 118, 116 n.k.); Hiltsje en Sybrandus dogge dêr op 25-4-1847 belidenis; sn fan Hendrik Douwes (postúm Reitsma), arbeider te Tsjummearum, en Sytske Gerrits, yn 1819 wurkfrou te Tsjummearum, Sytske kin net skriuwe
-Sybrandus keapet op 9-6-1831 fan Sypkjen Jans te Seisbierrum in hûs c.a. nr 2 te Seisbierrum; keapsom: f 700,00; notaris: Andries Stinstra te Frjentsjer; Repertoire: 040035
Bern út it earste boask:
1 Gerrit Jans Nammensma, folget IX.3
2 Trijntje Jans Nammensma
* Bitgum, Buma state, Dyksterhuzen, 24-8-1818 † Deinum 19-3-1844, N 24, 25 jier; by trouwen sûnder berop te Bitgum, dêr wenjend by Syds Sjoerds Koopal, har wettige fâd; by ferstjerren sûnder berop te Deinum; docht dêr mei har man op 10-2 of op 21-4-1844 belidenis;
x Menameradiel 5-5-1841, 26 en 28 jier, Jouke Heins Wierstra * Deinum 6-11-1812 † Ljouwert 10-11-1859, 57 jier; by trouwen gernier te Deinum; yn 1842 dêr bakker; ferfart -8-1844 dêrwei nei De Lemmer; yn 1844 kastlein te Follegea; yn 1847 kastlein te Marsum, yn 1847 idem te Ljouwert; yn 1847, ’50, ’59 dêr keapman; sn fan Hein Keimpes Wierstra, yn 1775 arbeider te Wurdum, yn 1791 idem te Deinum, sûnt 1791 dêr boer, dêr tsjerkfâd, en Grietje Ales Jorna;
Jouke x 2 Ljouwert 13-6-1847, 34 en 42 jier, Mayke Hanses Faber * Bolswert 9-2-1805 ~ dêr 28-2-1805 † Ljouwert 29-11-1882, 77 jier; yn 1834 sûnder berop te Ljouwert, yn 1847, ’72 dêr keapfrou, by ferstjerren dêr sûnder berop, Maaike kin net skriuwe; dr fan Hans Douwes Faber, yn 1820 mitselder te Ljouwert, en Aukje Siedses Ferwerda, yn 1834, ’47 sûnder berop te Ljouwert, Aukje kin net skriuwe;
Maaike x 1 Ljouwert 11-5-1834, 29 en 36 jier, Jan Abrahams Dijkstra * Mantgum omstrings 1799 † Ljouwert 12-3-1845, 46 jier; by trouwen hearefeint te Ljouwert, by ferstjerren dêr winkelman; sn fan Abraham Jacobs Dijkstra, yn 1817 boer te Mantgum (nr 6) en Jetske Watses, yn 1820 wurkfrou te Mantgum, Jetske kin net skriuwe
Sjoch: Simon Wierstra,
Genealogie van het geslacht Wierstra uit Menaldumadeel – V-c
KWARTIERSTAAT (simonwierstra.nl) – nr 32
Bern út it twadde houlik:
3 Nieske Jans Nammensma * Easterbierrum 18-4-1827 † Tsjummearum 10-1-1877, trije wiken foar Jelle, 51 jier; by trouwen en ferstjerren arbeidster te Seisbierrum;
x Barradiel 13-5-1854, 27 en 28 jier, Jelle Harmens Grijp * Easterbierrum 18-3-1823 † Tsjummearum 31-1-1877, hûsnr 85, 51 jier; by trouwen arbeider te Easterbierrum (37k); letter te Tsjummearum (117, 33); sn fan Harmen Berends Grijp (berne yn 1787 te Haarslagte), arbeider te Easterbierrum, en Trijntje Jelles Jellesma, arbeidster te Easterbierrum, yn 1854 dêr naaister, wennet as widdo by Nies en Jelle yn
Nieske en Jelle kinne by har trouwen net skriuwe.
4 Nammen Jans Nammensma, folget IX.4

§ In echte bouboerspleats
Krapoan in jier nei Jan Nammens syn fertigen wurdt de pleats ferboelguodde; it is in echte bouboerspleats: der binne mar fjouwer kij, mar fiif hynders.

Leeuwarder Courant, 25-3 en 1-4-1831

VIII.3 Ale Nammens Nammensma – alias Junior/Nammes/Nammens * Tsjummearum 4-6-1785 ~ dêr 24-7-1785 † dêr 26-10-1826, Letter T nr 98, 40 jier; húsman/bouboer te Tsjummearum;
x Tsjummearum 21-2-1808, beide fan Tsjummearum, Reintje Pieters Noorda * Tsjummearum 6-6-1786 ~ dêr 9-7-1786 † dêr 22-8-1823, 37 jier; bouboerinne te Tsjummearum; docht op 25-4-1819 dêr belidenis; dr fan Pijtter Cornelis Noorda en Bottje Pijters (postúm: De Boer, bygelyks yn ’e trou-akte fan har dochter Froukje yn 1813), bouboeren te Tsjummearum
Ale ferklearret by de oanjefte fan syn dochter Reintsje dat er it skriuwen net leard hat; hy fiert dan net de achternamme Nammensma, mar folstiet mei it patronym: Nammens. Reintsje wurdt letter wol Nammensma neamd.
Ale wurdt by de ynskriuwing yn de Memorie van Successie te Frjentsjer by it ferstjerren fan Reintsy yn 1823 neamd: Ale Nammeles de Boer;
yn ’e trou-akte fan syn dochter Nies wurdt er neamd: Ale Nammens Junior; syn bern wurde sa no en dan ek Junior neamd, ôfwiksele mei Nammens en Nammensma
Bern:
1 Pieter Ales Nammens *
Tsjummearum 30-3-1810 ~ dêr 28-4-1810 23-2-1820, hûsnr 98, 10 jier; yn stjerakte Nammens neamd
2 Nieske Ales Nammensma – alias Junior * Tsjummearum 29-9-1811 ~ dêr 3-11-1811 Frjentsjer 7-11-1845, Wyk EN nr 4, 35 jier; by trouwen faam te Doanjum; by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer
Nies wurdt yn har trouakte Nieske Ales Junior neamd; en yn ’e stjerakte fan har soan Teede yn 1861: Nieskje Ales Junior
x Frjentsjerteradiel 13-1-1838, 26 en 35 jier, Dirk Teedes Engelsma * Aldeboarn 9-1-1803 ~ dêr (mei fiif-en-in-healjier, en tagelyk mei trije bruorkes en in suske) 30-8-1807 Frjentsjer 8-4-1854, Wyk UB nr 63, 51 jier; by earste houlik boerearbeider te Doanjum (11), yn 1840 dêr koaltsjer; yn 1844 koaltsjer te Frjentsjer, hy keapet dêr op 15-4- in spultsje, sjoch hjirûnder, is dêr dan komelker yn 1844 (Wyk TW nr 81b), ’48, ’50 (Wyk UB, nr 64); yn 1845 hiert er dêr lân by en allyksa yn 1848 (fan Albertus Wiersma te Huzum, foar seis jier, hiersom: f 239,00) en yn 1853 keapet er dêr lân; yn 1849, ’52, ’53, ’54 (Wyk EN nr4a) dêr neamd as koaltsjer; sn fan Teede Douwes Engelsma (hy fiert de namme Engelsma foar Napoleon) en Goitske Hendriks
Durk keapet op 15-4-1844 fan Sybren Piters Santema te Frjenstjer in hûs, stâl en hiem te Frjentsjer; keapsom: f 500,00; notaris: Isaac Telting te Frjentsjer; Repertoire: 041035
-Durk keapet op 4-3-1853 fan Feike Poppes Damhuis te Frjentsjer, boulân te Frjentsjer; keapsom: f 2.000,00; notaris: Gijsbertus Schot te Frjentsjer
-Durk ferkeapet op 2-3-1853 boulân te Tsjummearum oan, alle trije wenjend te Frjentsjer,
>Jan Sjoukes Hollander; keapsom: f 750,00
>Jan Ensink; f 750,00
>Klaas Klazes Boorsma; f 1.129,00

3 Gerrit Ales Nammensma * Tsjummearum omstrings 1813 Arum 6-7-1835; by ferstjerren koaltsjer te Arum; Gerryt lit in saldo nei fan f 807,13.
4 Botje Ales Nammes * Tsjummearum 3-3-1815 † dêr 18-4-1820, hûsnr 28, 5 jier; yn stjerakte Nammes neamd
5 Akke Ales Nammensma * Tsjummearum 8-1-1819 † Boer 2-1-1838, 18 jier; by ferstjerren tsjinstfaam te Boer; Akke lit in saldo nei fan f 1.930,53
6 Botje Ales Nammensma * Tsjummearum 24-9-1820 † 21-9-1836,16 jier; Botsy lit in saldo nei fan f 1.415,59; se stiet op ’e stjerlist yn ’e Memoary fan Suksesje as: Botje Ales de Jong; har fâd is har omke Nammen Nammens Nammensma (VIII.1) einierd boer te Boer
7 Pieter Ales Nammensma, folget IX.4

6 Reintje Ales Nammensma
* Tsjummearum 17-8-1823 † Tsjummearum 7-8-1869, hûsnr 85, 45 jier; by earste boask sûnder berop te Frjentsjer, dêrnei dêr komelkerske en koaltsjerske; by twadde houlik arbeidster te Easterbierrum; by ferstjerren sûnder berop te Tsjummearum;
x 1 Frjentsjer 21-5-1848, 24 en 45 jier, Dirk Teedes Engelsma, widner fan har suster Nieske, sjoch 2 hjirboppe;
x 2 Barradiel 11-5-1867, 43 en 44 jier, Jacob Sjoerds Douma (ek: Douwma) * Easterbierrum 14-8-1822 † dêr 4-3-1869, hûsnr 91, 46 jier; arbeider te Easterbierrum, mei in ûnderbrekking fan in jier te Doanjum fan Alde Maaie 1851 oant Alde Maaie 1852, sûnt wer te Easterbierrum; by twadde houlik dêr arbeider, by ferstjerren dêr poldermûnder; sn fan Sjoerd Sytses Douma, by syn trouwen yn 1820 en yn 1822, ’24, ’32 boer te Seisbierrum, yn 1840 skipper te Easterbierrum, yn 1850 dêr arbeider (5k), sûnt Alde Maaie 1869 arbeider te Seisbierrum (9, 10, 20, 51), en Trijntje Jacobs Bosma
Yn ’e Boargerlike Stân wurdt ek gauris Douwma skreaun; Jabik en syn heit tekenje sels Douma.
Jabik x 1 Barradiel 22-11-1845, 23 en 21 jier, Sijke Anes de Vries * Tsjummearum 6-3-1823 † Easterbierrum 3-6-1863, hûsnr 87, 39 jier; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum, by ferstjerren arbeidster te Easterbierrum; dr fan Ane Hayes de Vries, koaltsjer, letter timmerfeint te Tsjummearum, en Pietje Sybes Sybesma, yn 1863 arbeidster te Easterbierrum

§ It skriuwen moat wenne – Reintsje Ales tekenet dan wól en dan nét
Reintsje Ales Nammensma ferklearret by har twadde houlik: ‘niet kunnende schrijven noch teekenen als hebbende zulks niet geleerd’; by har earste boask set se har hantekening wol ûnder de trou-akte, frij pontifikaal – sjoch hjirûnder.
It skriuwen moat yn dy tiid tige wenne, gjin deistich wurk fan arbeidsters – skamte?

It is trouwens opmerklik dat heit Ale – as boeresoan – it skriuwen net leard hat, sa’t er sels ferklearret by de oanjefte fan ’e geboarte fan Reintsy.

§ Wat is yn in namme?
De Nammensma’s fiere de namme Nammensma al justjes foar de namme-oannimming ûnder Napoleon yn 1811/’12. Lykas yn de Memorie van Succesie by it ferstjerren fan Nies Jans
yn 1808.
Letter farieart de achternamme fan Nammes, Nammens, Nammesma, Namsma en Nammensma. Mar njonkenlytsen bliuwt it by dat lêste.

Nammen Nammens (VII.1) wurdt yn syn stjerakte Namme Nammes Nammesma neamd.
Soan Nammen (VIII.1), dy’t yn 1812 de namme Nammens oannimt, tekenet dan sels mei Nammes.
Hy wurdt yn ’e stjer-akte fan syn soantsje Jelle yn 1812 Namme Nammens Jr. neamd, yn it Notarieel Argyf yn 1813 Nammen Nammens Jr., yn ’e berte-akte fan soan Jelle yn 1818 Namme Nammens Jr.alle kearen sûnder de achternamme Nammensmayn ’e trou-akte fan soan Namme yn 1821 is de fan Nammes; yn ’e trou-akte fan dochter Ysakje yn 1822 is it Namsma, dat kin wêze neffens útspraak Nam̃m̃sma. Under de trou-akten fan syn dochters Nies yn 1826 en Antsy yn 1829, tekenet Nammen mei Nammensma, dy namme is dan sa’t skynt ynboargere.
Fierders tekenje ûnderskate leden fan dizze famylje mei Senior en Junior, sa’t skynt as ferfanging fan in achternamme.

GENERAASJE IX
IX.1 Nammen Nammens Nammensma
* Tsjummearum 28-10-1797 ~ Ried 26-11-1797 † Rie 15-10-1854, hûsnr 29, 56 jier; bouboer op ’e Tsjummearumer mieden ûnder Tsjummearum, sûnt omtrings 1830 te Rie, sûnt 20-11-1835 dêr op nr 29; Nammen en Maartsy wurde op belidenis te Rie oannommen op 3-6-1831;
x Barradiel 20-6-1821, beide 23 jier, Maartje Jans Post (ek: Maatje) * Hijum 2-9-1797 ~ Feinsum-Hijum 2-10-1797 † Rie 30-12-1865, hûsnr 9, 68 jier; bouboerinne te Rie, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Jan Willems Post, yn 1797 skoalmaster te Hijum, letter te Easterbierrum, en fan Neeltje Betzes (yn stjerakte fan Maatsy neamd: Neeltje Betzouws van der Mei)
Bern:
1 Botje Nammens Nammensma
* Tsjummearum 13-8-1822 † Easterbierrum 8-4-1830, Letter O nr 11, 7 jier, Botsy wennet by har ferstjerren net by har heit en mem, dy’t dan te Tsjummearum buorkje
By de Boargerlike Stân oanjûn as: Botje Nammes, heit wurdt dan neamd: Namme Nammes Nammes; yn ’e stjerakte is it : Botje Nammens Nammensma, heit stiet dêr te boek as: Nammen Nammens Nammensma
2 Neeltje Nammens Nammensma * Tsjummearum 10-10-1824 † Seisbierrrum 21-11-1891, 67 jier; naaister, by ferstjerren sûnder berop; komt mei har suster Jantsje op Alde Maaie 1869 út Rie te Easterbierrum (nr 61); se ferfarre mei har beiden dêrwei op 1-7-1871 nei Seisbierrum (nr 152); by ferstjerren dêr sûnder berop
Neeltsy krijt by bûdelskieding op 16-11-1866 in hûs en hiem te Easterbierrum; wearde: f 1.833,00; notaris: Albert Witholt te Seisbierrum; Repertoire: 117028

Neeltsy Nammens Nammensma

3 Yzakje Nammens Nammensma * Tsjummearum 10-2-1827 † dêr 23-5-1830, Letter F nr 90, 3 jier
4 Nammen Nammens Nammensma, folget X.1
5 Jan Nammens Nammensma * Rie 21-5-1833 † dêr 21-9-1835, hûsnr 29, 2 jier
6 Jelle Nammens Nammensma * Rie 18-4-1835 † dêr 10-5-1839, hûsnr 29, 4 jier
7 Bottje Nammens Nammensma * Rie 20-5-1837 † dêr 15-4-1839, hûsnr 29, 1 jier
8 Bottje Nammens Nammensma * Rie 23-5-1839 † Seisbierrum 11-6-1917, 78 jier; by trouwen en dêrnei sûnder berop te Rie; wennet as widdo mei har dochter Maartsy en suster Jantsy te Seisbierrum (hûsnrs 219, 250, 199);
x Barradiel 1-6-1866, 27 en 30 jier, Everhardus Jetzonius Reino Knoll * Seisbierrum 21-8-1835 † dêr 31-7-1894, 58 jier; by trouwen koaltsjer te Seisbierrum (68a, 156, 7k, 219, 250, 199), yn 1870 en by ferstjerren dêr keapman; gemeenteriedslid fan Barradiel; sn fan Petrus Johannes Wybrandus Knoll, ‘chirurgijn’ en ‘heelmeester ten plattelande’ te Seisbierrum, en Antje Seerps Anema.
Sûnt 3-12-1869 wennet by Botsy en Everhardus yn: broer Peter Izaak Knoll * Seisbierrum 18-6-1844 ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1870 nei Frjentsjer
9 Jantje Nammens Nammensma * Rie 29-9-1841 † Harns, wenjend te Seisbierrum, 30-7-1939, 97 jier; naaister, komt mei har suster Neeltsy op Alde Maaie 1869 út Rie te Easterbierrum (nr 61); se ferfarre mei har beiden dêrwei op 1-7-1871 nei Seisbierrum (nr 152); wennet sûnt 1-1-1900 yn by har suster Botsy-en-dy te Seisbierrum (nrs 156, 219); wennet dêr letter op ’e nrs 199, 310, tegearre mei har muoikesizzer Maartje Knoll
10 Jan Nammens Nammensma, folget X.2

Leeuwarder Courant,
25 en 27-11 en 1-12-1891
Leeuwarder Courant, 7-8-1894

§ It besit fan Nammen Nammens Nammensma te Rie yn 1832 neffens de ynskriuwing by it Kadaster fan Frjentsjerteradiel

Perseelnr.Yn gebrûk asOerflakte m²KlasseBelesting
1434Tún17403
1435Greide70402
1435 aOpfeart by greide18402
1436Hôf14102
1437Hûs en hiem2510145
1438Greide14401
1444Greide8102
1445Greide139892
1446Greide195903
1447Bou121703
1448Bou131603
1451Bou157102
1452Bou88802
1453Bou139102
1454Bou96302
1455Greide80084
1456Greide144305
1457Bou111303
1458Bou90702
1459Greide112602
1460Bou113802
1461Bou128103
1462Greide128504
1463Greide143203
1464Bou117903
1465Bou110603
Minútplan Rie A7 Seksje A Lizzer 174

FERNEAMING NEELTJE
Neeltje Betzes * St.-Jabik 15-1-1770 † Easterbierrum 11-1-1844, 73 jier;
x Jan Willems Post ~ St.-Jabik 14-10-1764 † Easterbierrum 30-11-1834; ûnderwizer te Hijum, sûnt 1798 te Easterbierrum
Bern:
1 Maartje Jans Post x Nammen Nammens Nammensma, sjoch IX.1
Dochter:
Neeltje Nammens Nammensma, sjoch IX.1.2

Neeltje Nammens Nammensma

2 Geertje Jans Post x Sjoerd Meinderts Donia, sjoch IV De fjirde eigners en brûkers fan Donia
Bern, ûnder oaren:
>Neeltje Sjoerds Donia, sjoch X.1

Neeltje Sjoerds Donia;
fotograaf: C.B. Broersma, Ljouwert

>Jan Nammens Nammensma x Geertrui Elisabeth Koudenburg, sjoch XI.2
Bern, ûnder oaren:
>Neeltje Jans Nammensma, sjoch XI.2.7

Hiltje en Neeltje Jans Nammensma;
fotograaf: A. Warburg, Frjentsjer
Neeltje Jans Nammensma;
fotograaf:
De Beer, Nijstêd 121A, Ljouwert

>Jan Jans Nammensma x Pieterje Johannes Houtsma, sjoch XII.9
Dochter:
Neeltje Jans Nammensma – Nely – x Ane Jelles Jukema, sjoch XII.9.4

Neeltje Jans Nammensma

Bern, ûnder oaren:
>Jelle Anes Jukema x Rianne Wissmann, sjoch Genealogy Jukema XI en XI.1
Dochter:
Neeltje Pien Jukema – Nelia
>Jan Nammen Jukema
Dochter:
Neeltje Jukema

IX.2 Jelle Nammens Nammensma * Tsjummearum, op ’e Mieden, 7-3-1813 Boer 8-1-1870, hûsnr 7, 56 jier; by syn earste boask sûnder berop te Boer, dêrnei dêr bouboer; op nr 7; syn erven hâlde dêre boelguod op 29-3-1870 en hiere de pleats oant Alde Maaie 1870, sjoch de krante-advertinsjes hjirûnder;
x 1 Frjentsjerteradiel 17-5-1845, 32 en 33 jier, Martentje Floris Wiersma * Arum 5-10-1811 ~ dêr 20-10-1811 † Boer 26-1-1849, nr 7, 37 jier; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dêrnei bouboerinne te Boer; docht 15-4-1840 belidenis te Frjentsjer; dr fan Floris Herkes Wiersma (ek: Heerkes), yn 1826 boer te Arum, yn 1839 idem te Frjentsjer oant syn ferstjerren yn 1845 mei 71 jier (Wyk UB nr 19), mar hy wurdt by Martentsje har trouwen sûnder berop neamd, en Jantje Jans Westra, boerinne te Arum en Frjentsjer, oant har ferstjerren yn 1873 mei 93 jier, op
itselde spul as har man yn 1845;
x 2 Frjentsjerteradiel 20-11-1852, 39 en 45 jier, Aafke Jans Dijkstra (by boaskjen neamd: Aafje Jans, sûnder fan) * St.-Jabik 1-10-1807 ~ dêr 8-11-1807 Boer 4-6-1865, nr 7, 57 jier; by har trouwen tsjinstfaam te Boer, dêrnei dêr bouboerinne; dr fan Jan Pieters Dijkstra, arbeider te St.-Jabik (283), en Sjoukje Jacobs Zuidema, yn 1837 wurkfrou te St.-Jabik, by har ferstjerren yn 1846 mei 70 jier dêr arbeidster (by it houlik fan Aafy fiere har âlden gjin achternamme);
x 3 Frjentsjerteradiel 4-5-1866, 53 en 27 jier, Trijntje Botes Nijdam * Kubaard 8-9-1838 St.-Jabik 4-3-1927, 87 jier; komt -4-1866 út Tsjummearum te Boer; ferhuzet dêrwei op 27-3-1870 nei Tsjummearum; by har twadde boask húshâldster te Boer – grif by Jelle, har lettere man; earder húshâldster te Tsjummearum; dêrnei bouboerinne te Boer; ferfart op Alde Maaie 1872 nei St.-Jabik; by har tredde boask dêr sûnder berop; dr fan Bote Klazes Nijdam, arbeider te Kubaard, en Sipkjen Gatzes Bijlsma;
Tryntsje x 1 Frjentsjerteradiel 21-5-1864, 25 en 27 jier, Hans Pieters Reversma * Tsjom 26-5-1836 dêr 3-8-1865, nr 126, 29 jier; by trouwen en dêrnei arbeider te Tsjom (48); sn fan Pieter Hanzes Reversma, arbeider te Tsjom (kin net skriuwe), en Geeske Annes Couperus (ek: Cuperus);
Tryntsje x 3 Frjentsjerteradiel 19-4-1873, 34 en 36 jier, Pieter Harmens de Vries * Skalsum 24-9-1836 St.-Jabik 26-6-1923, 86 jier; by trouwen bouboer te St.-Jabik, dêrnei te Hjelbeam; sn fan Harmen Tjerks de Vries, boer te Skalsum en Peins, en Sytske Meiles Zetstra, Sytske is as widdo yn 1873 boerinne te St.-Jabik
Bern, út it earste boask:
1 Nammen Jelles Nammensma * Boer 27-8-1847 † Boer, wenjend te Huzum, 9-9-1913, 67 jier; ferhuzet út Boer op 27-3-1870 nei Wier; wennet letter yn by syn broer Sytze-en-dy en buorket dêr mei har op ’e âlderspleats te Boer; ferfart dêrwei op 2-1-1877 nei Tsjummearum; by ferstjerren sûnder berop te Huzum
Nammen ferkeapet op 4-10-1871 oan Cornelis Anes Kuiken te St.-Jabik, in tredde part fan in sate en lân ûnder Boer, kadastraal gemeente Rie; keapsom: f 9.000,00; notaris: Gijsbertus Schot te Frjentsjer; Repertoire: 041086
2 Sytze Jelles Nammensma, folget X.3

Bern út it tredde houlik:
3 Sipkje Jelles Nammensma * Boer 20-6-1867 † Berltsum 18-10-1942, 75 jier; by trouwen sûnder berop te St.-Jabik; ferhuzet op 14-8-1889 út St.-Jabik nei Minnertsgea (408); ferfart dêrwei op 27-5-1913 nei Menaam;
x It Bilt 30-5-1889, 21 en 27 jier, Sjoerd Herkes Meersma * Minnertsgea 7-3-1862 † dêr 3-2-1931, 68 jier; gernier te Minnertsgea (227, 316, 339, 390), by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Herke Sjoerds Meerstra en Tietje Pieters Kloostra, gerniers te Minnertsgea
4 Isaak Jelles Nammensma, folget X.4

Leeuwarder Courant, 18-3-1870
Leeuwarder Courant, 18-3-1870

IX.3 Gerrit Jans Nammensma * Bitgum, Buma state, Dyksterhuzen, 22-11-1814 † Minnertsgea 8-6-1875, 60 jier; bouboer te Bitgummole; by twadde houlik idem te Minnertsgea (172nk), dêr ek feefokker (yn 1865 hat er de besmetlike longsykte ûnder syn kij); bestjoerslid wetterskip Het Beetgumer en Engelumer Nieuwland; sûnt 1863 gemeenteriedslid fan Barradiel; yn 1864, ’65, ’75 taksateur fan ûnreplik guod te Minnertsgea
Gerryt is geboaren by syn wettige fâd Syds Sjoerds Koopal en Folkje Hendriks Damsma, eigenerfde boeren op Buma state op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole; sjoch: Goasse Brouwer: Genealogy Koopal – V1
Gerryt is yn 1860 fâd oer syn omkesizzer Grietje Joukes Wierstra

x 1 Menameradiel 5-5-1841, 26 en 24 jier, Tjib Martens de Vries (ek: Tjieb) * Marsum 18-3-1816 † Minnertsgea 17-10-1865, hûsnr 172, 49 jier; dr fan Marten Pieters de Vries, yn 1815, ’16, ’17 bakker te Marsum, yn 1820 dêr eksteur (eksekuteur), yn 1822 oant syn ferstjerren yn 1824 dêr fjildwachter, en Haukjen Pieters Miedema, by har trouwen yn 1815 naaister te Stiens, as widdo winkelfrou te Marsum;
x 2 Barradiel 9-4-1870, 55 en 59 jier, Grytje Aukes Tolsma (yn Doopboek Grytje, yn Boargerlike Stân: Grietje) * Marsum 20-3-1811 ~ dêr 14-4-1811 † Stiens 13-8-1877, hûsnr 131, 66 jier; by earste boask sûnder berop te Marsum; yn 1864 en by har twadde houlik sûnder berop te Froubuorren; dr fan Auke Aukes Tolsma en Aaltje Jacobs Namminga, boeren te Marsum;
Gryt x 1 Menameradiel 14-6-1829, 18 en 21 jier, Dirk Jans Bruinsma * Britsum 16-10-1807 ~ dêr 6-12-1807 † Stiens 14-3-1855, hûsnr 248, 47 jier; by trouwen sûnder berop te Marsum; yn 1832 dêr gernier; yn 1837, ’42 kastlein te Stiens; yn 1854 dêr arbeider; by ferstjerren dêr slachter; sn fan Jan Tjeerds Bruinsma en Tettje Klazes Jetsma, yn 1829 boeren te Marsum;
Gryt x 2 Pieter Klazes Bouma bouboer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren; sn fan Klaas Sipkes Bouma en Geertje Wybrens, bouboeren yn ’e Súdhoek fan Froubuorren;
Piter x 1 Klaaske Lieuwes Toomsma
Sjoch: Rindertje Bouma, Kertiersteat Rindertje Bouma – nr 16
Gerryt keapet op 24-9-1842 fan Trijntje Aukes Tolsma te Ingelum, widdo fan Gerben Scheltes Heslinga, greide te Bitgum; keapsom: f 900,00; notaris: Cornelis Wiersma te Ljouwert; Repertoire: 079084
Bern út it earste boask:
1 Marijke Gerrits Nammensma * Bitgum, Buma state, Dyksterhuzen, 19-10-1847 † Minnertsgea 18-9-1866, hûsnr 172, 18 jier
2 Marten Gerrits Nammensma, folget X.5
3 Jan Gerrits Nammensma, folget X.6

§ In tûke boer en kundich bestjoerder
Gerryt Jans Nammensma leart it boerefak fan syn fâd. En hy is te Bitgum wetterskipsbestjoerder yn ’e mande mei de skoanheit fan opfieder Syds Sjoerds Koopal: Hendrik Folkerts Damsma, eigenerfd bouboer op Zomerzorg op Dyksterhuzen, sjoch: Stambeamke Damsma

Leeuwarder Courant, 27-4 en 2 en 4-5-1855

Yn it sok fan syn fâd Syds Sjoerds Koopal en sibben, yn waans fermidden Gerryt Jans Nammensma opgroeit, is er net allinne wetterskipsbestjoerder, hy is allyksa gemeenteriedslid, Goed Voorbeeld doet Goed Volgen.

Leeuwarder Courant, 21-7-1865

Gerryt besit mienskiplik lân mei de Damsma’s:

Leeuwarder Courant, 12-6-1840

Gerryt Jans is neist bouboer feefokker, yn 1857 wurde syn fette kij bekroand.
Yn 1858 hat syn beslach in besmetlike longsykte ûnder de bealch:

Leeuwarder Courant, 26-9-1856
Leeuwarder Courant, 16-11 en 7-12-1858

Leeuwarder Courant, 21 en 28-9-1865
Leeuwarder Courant, 22-4-1870
Leeuwarder Courant, 11-6-1875

IX.4 Nammen Jans Nammensma * Easterbierrum 19-11-1829 † Seisbierrum 29-7-1906, 76 jier; arbeider, sûnt Alde Maaie 1854 te Seisbierrum, sûnt Alde Maaie 1856 te Pitersbierrum op nr 12 en sûnt 5-1-1862 te Pitersbierrum op nr 40; sûnt 28-2-1870; yn 1872, ’73 te Easterbierrum op nrs 80, 82, 83; sûnt 1-7-1881 te Seisbierrum op nr 113, sûnt 1-11-1900 dêre op nr 134, arbeider oant syn ferstjerren mei 76 jier;
x 1 Barradiel 19-5-1855, 25 en 23 jier, Aaltje Dirks Timmermans (ek: Timmerman, skriuwt sels Timmermans, har heit allyksa; de fan is grif keazen neffens it berop) * Pitersbierrum 24-6-1831 † Easterbierrum 29-12-1873, nr 80, 42 jier; by trouwen sûnder berop te Pitersbierrum; dr fan Dirk Klazes Timmermans, yn 1831, ’40 timmerman te Pitersbierrum, yn 1855 dêr timmerfeint, en Rigtje Durks van der Zee
Nammen kin by syn beide houliken net skriuwe
x 2 Barradiel 9-12-1875, 46 en 44 jier, Anna Hendriks Koopmans * Seisbierrum 31-10-1831 † dêr 21-4-1906, 74 jier; by earste en twadde houlik naaister te Seisbierrum, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Hendrik Jans Koopmans, arbeider te Seisbierrum, en Trijntje Ennes van Sluis;
Anna x 1 Barradiel 26-5-1855, 23 en 25 jier, Rommert Jetzes de Jong * Wytmarsum 4-4-1830 † Seisbierrum 6-9-1871, nr 75, 41 jier; arbeider te Wytmarsum, sûnt Alde Maaie 1855 te Seisbierrum (55k); sn fan Jetse Louws de Jong, arbeider te Wytmarsum, en Japke Jacobs Oosterbaan
Bern út it earste boask:
1 Rigtje Nammens Nammensma
* Pitersbierrum 3-2-1857 † dêr 11-2-1857, hûsnr 12, 8 dagen
2 Rigtje Nammens Nammensma * Pitersbierrum 20-7-1858 † Easterbierrum 13-2-1873, hûsnr 82, 14 jier
3 Hiltje Nammens Nammensma * Pitersbierrum 5-2-1862 † Easterbierrum 25-11-1872, hûsnr 83, 10 jier
4 Jan Nammens Nammensma, folget X.7
5 Dirk Nammens Nammensma, folget X.8

X.4 Pieter Ales Nammensma * Tsjummearum 21-4-1822 † dêr 14-4-1868, 45 jier; NH; by trouwen arbeider te Tsjummearum – mooglik by syn omke Nammen Nammens Nammensma (VIII.1), dy’t syn fâd is -; dêrnei dêr in moannemannich bouboer; yn 1844 koaltsjer en komelker; sûnt 14-3-1862 dêr arbeider (op nrs 122 n.k., 76), oant syn ferstjerren;
x Barradiel 29-6-1844, 22 en 20 jier, Aafke Hyltjes Postma * Tsjummearum 2-1-1824 † dêr 16-6-1892; DG; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum; dêrnei justjes bouboerinne, dan koaltsjerkse, komelkerske, arbeidster, ek yn har widdosteat, yn ’t lêstoan, sûnt 1-7-1881, dêr sûnder berop (nr 325); dr fan Hyltje Klazes Postma en Klaaske Jans Westra, bouboeren te Tsjummearum (hûsnr Letter F nr 114½)
Bern:
1 Hyltje Pieters Nammensma, folget X.9
2 Ale Pieters Nammensma
* Tsjummearum 13-7-1846 † dêr 12-4-1929, 82 jier; earst NH, dan DG tagelyk mei syn mem en broers en susters, letter wer NH, lykas yn frou; by trouwen en dêrnei arbeider te Tsjummearum (nrs – folchoarder net wis – 136a, 175, 234, 169, 165, 186, 409, 108); dêr keapman (nr 165), yn 1928 dêr ‘rentetrekker’; ferhuzet -11-1928 nei J. van Tuinen;
x Barradiel 26-5-1877, 30 en 27 jier, Pietertje Klazes van Steinvoorn * Easterbierrum 8-4-1850 † Tsjummearum 10-1-1906, 55 jier; NH; by trouwen faam te Dronryp; komt op har troudei te Tsjummearum; by ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Klaas Houkes van Steinvoorn, arbeider te Doanjum, Easterbierrum, Tsjummearum (119k, 117) en Dronryp, en Antje Pieters van der Ploeg, yn 1877 arbeidster te Tsjummearum, Antsje kin by trouwen fan Pitertsy net skriuwe
Ale wurdt op 16-3-1866 goedkeurd foar de militêre tsjinst.
Sinjalemint: 1 el, 568 strepen; Aangezigt: rond; Voorhoofd: plat; Oogen: blaauw; Neus: klein; Mond: id(em); Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id; Merbare teekenen: geene.

Ale giet op 11-2-1874 as nûmerferwikselder yn militêre tsjinst yn ’t plak fan Pieter Lieuwes Bouma te Tsjummearum.

De hierde ien-keamer-wenning fan Ale en Pitertsje wurdt ferkocht:

Leeuwarder Courant, 1 en 8-5-1896
– Verkooping te Tjummarum

3 Klaaske Pieters Nammensma (yn akten ek: Klaske; tekenet har trou-akte mei: Klaasche Nammensma) * Tsjummearum 19-3-1848 † Arum 17-4-1885, 37 jier; faam, ferhuzet op 16-5-1867 út Tsjummearum nei Kimswert (nr 33 nk); ferhuzet 12-11-1868 dêrwei nei Arum; sûnt Alde Maaie 1869 te Wytmarsum; by trouwen faam te Arum;
x Wûnseradiel 17-5-1873, 25 en 26 jier, Jan Douwes Hoitinga * Arum 12-5-1847 † dêr 6-4-1919, jier 71 jier; by trouwen arbeider te Arum; -9-1873 te Tsjummearum; sûnt 1874 wer te Arum oant syn ferstjerren mei 71 jier; sn fan Douwe Jacobs Hoitinga, arbeider te Arum, en Grietje Berends van Dalen, yn 1873 winkelfrou te Arum; Jan en syn mem Gryt kinne net skriuwe;
Jan x 2 Wûnseradiel 14-8-1886, 39 en 37 jier, Froukje Jetzes Ringnalda (yn akten ek: Ringenalda; Froukje en har heit tekenje sels: Ringnalda) * De Pein 17-10-1848 † Arum 10-1-1920, 71 jier; oant maaie 1875 faam te Kubaard; by twadde houlik sûnder berop te Arum; dr fan Jetze Bouwes Ringenalda, arbeider yn ’e Pein, sûnt 1-12-1861 idem te Drachten (Wyk B nr 45), en Grietje Ates Spoelstra;
Froukje x 1 Wûnseradiel 8-5-1875, 26 en 24 jier, Dirk Sjoukes Broersma * Arum 7-10-1850 † dêr 7-9-1885, 34 jier; by trouwen arbeider te Arum, dêr letter slachter, by syn ferstjerren dêr op ’e nij arbeider; sn fan Sjouke Dirks Broersma en Trijntje Jans Postma, arbeiders te Arum; Durk kin by syn trouwen net skriuwe
4 Reintje Pieters Nammensma
* Tsjummearum 20-11-1850 † Makkum 12-3-1936, 85 jier; NH; komt op 30-1-1875 út Skingen by har mem te Tsjummearum; ferhuzet op 27-11-1878 dêrwei nei Wytmarsum; by trouwen faam te Penjum;
x Wûnseradiel 6-12-1890, 40 en 59 jier, Pieter Siebes Feenstra * Penjum 1831 † dêr 24-12-1905, 73 jier; NH, letter KG; by trouwen gernier te Penjum (nrs 75, 174, 202, 173, 177), dêr ek komelker en fuorman; ferhuzet dêrwei mei frou en broer Jehannes en skoansuster Baukje Reins Feenstra op 28-6-1898 nei Achlum, dêr binne Piter en Jehannes beide arbeider; sûnt 23-5-1899 idem te Skingen; sûnt 21-5-1900 idem te Slappeterp; sûnt Alde Maaie 1902 idem te Frjentsjer; sûnt 20-6-1904 idem te St.-Jabik (nr 211); sûnt 20-6-1904 op ’e nij te Penjum, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Siebe Jans Feenstra en Eelkjen Eelkes Post, arbeiders te Arum (nr 75)
-Piter ferkeapet op 9-2-1898 oan Broer Klazes Feenstra te Penjum, in hûs te Penjum; keapsom: f 1.000,00; notaris: Jan Klaasesz de Boer te Wytsmarsum; Repertoire: 136058
Piter en syn ynwenjende broer Jehannes wurde Kristlik Grifformeard, Reintsje bliuwt Herfoarmd; suster Jantsje Nammensma, dy’t in hoart by har te Slappeterp ynwennet, wurdt Grifformeard.
5 Riemke Pieters Nammensma
* Tsjummearum 20-10-1853 † Peins 30-5-1916, 62 jier; NH, DG, letter wer NH; faam te Tsjummearum; by earste boask dêr sûnder; as widdo fan Willem winkelfrou te Peins; by twadde houlik dêr keapfrou; by ferstjerren dêr sûnder berop;
x 1 Frjentsjerteradiel 24-8-1878, 24 en 23 jier, Willem Tjitzes van der Meer * Peins 6-12-1854 † dêr 28-12-1896, 42 jier; by trouwen en yn 1881, ’84 arbeider te Peins, yn 1888 dêr karrider, dêr letter keapman (42k), by syn ferstjerren dêr wer arbeider; sn fan Tjitze Willems van der Meer en Grietje Jans Fongers, koaltsjers te Peins (19b), yn 1896 dêr gerniers
x 2 Frjentsjerteradiel 7-5-1904, 50 en 55 jier, Klaas Ruurds Kuipers * Hurdegaryp 29-8-1848; wennet yn 1897 te Grins; wennet yn 1901 te Arum; by earste boask ferver te Ljouwert; by syn skieding sûnder bekend ferbliuwplak; by twadde houlik ferver te Rie (dêr kostgonger by Dirk Harmens van der Ploeg en Henderina de Vries, arbeiders, nrs 20, 31); dêrnei ferversfeint te Peins (42, 40b); ferfart dêrwei op 20-11-1916 nei Meppel; sn fan Ruurd Klazes Kuipers, ferver en glêsmakker, hússkilder te Hurdegaryp, mei in ûnderbrekking yn 1863 te Deinum, en Aaltje Jans Bouma
Klaas x 1 Ljouwert 18-7-1901, 52 en 46 jier, skieding 14-2-1901 Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert, ynskreaun by de Boargerlike Stân te Ljouwert op 18-7-1901, Aukje Oenes Helt * Beetstersweach 28-10-1854 † Drachten 25-9-1936, 81 jier; GT; by earste boask faam te Ljouwert; wennet yn 1901 as húshâldster yn by har broer Klaas, boer te Drachten (B1); by twadde houlik sûnder berop yn Drachten; dr fan Oene Klazes Helt en Antje Hendriks Wedman, arbeiders te Beetstersweach;
Aukje x 2 Smellingerlân 23-8-1902, 47 en 33 jier, Anne Wybes Dijkstra * Marsum 22-7-1869 † Ljouwert 27-1-1945, 75 jier; by houlik arbeider te Drachten; sn fan Wybe Rienks Dijkstra en Janke Annes Schotanus, yn 1869 arbeiders te Marsum, yn 1902 komelkers te Drachten
6 Nieske Pieters Nammensma
* Tsjummearum 18-1-1855 † Amsterdam 21-1-1893, 48 jier; NH, letter G; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum; de húshâlding mei fjouwer bern ferfart op 19-8-1882 nei Amsterdam (1882: Von Zesenstraat 11, Buurtring 3 Buurt ZZ; 1883: Blankenstraat 56, Buurtring 3 Buurt T; 1885: Czaar Peterstraat 116, Buurtring 3, Buurt T; Buurtring 3 ZZ, Comelinstraat 112);
x Barradiel 19-2-1874, op houlikse betingsten, 19 en 29 jier, Hendrik Jan Petræus * Tsjummearum 27-8-1844 † Amsterdam 26-9-1897, 53 jier; NH, letter G; by earste boask sûnder berop te Tsjummearum, yn 1871, by twadde houlik en yn 1875, ’77 dêr koaltsjer (170, 375), yn 1878 dêr sûnder berop, yn 1882 dêr arbeider; yn 1882 koaltsjer en arbeider te Amsterdam, en ‘werkman afd. Hypotheekbank’, dêr letter kantoarfeint en ‘schrijver’ – mooglik sekretaris fan ien of oare ynstelling? Hendrik Jan hat in feardige hân fan ûndertekenjen – (wennet mei de bern sûnt 30-7-1896: Noordstraat 31-III-heech); sn fan Lodewijk Petræus, yn 1844 ‘Heelmeester ten Plattenlande’, yn 1870, ’74 ‘geneeskundige’ te Tsjummearum (111k), en Aukje Hendriks Smith;
Hendrik Jan x 1 Barradiel 4-6-1870, 25 en 19 jier, Doekeltje Doekles Boonstra * Tsjummearum 24-11-1850 (oardel moanne nei har heites ferstjerren) † dêr 16-5-1871, 20 jier; by trouwen sûnder berop te Tsjummearum; dr fan Doekle Michiels Boonstra, koaltsjer te Boer, sûnt Alde Maaie 1850, idem te Tsjummearum, oant syn ferstjerren op 7-10-1850, en Grietje Klazes de Jong, as widdo sûnder berop te Tsjummearum
Doekeltsy wurdt geboaren krapoan in moanne nei har heites ferstjerren en nei him neamd
7 Gerrit Pieters Nammensma * Tsjummearum 8-5-1857 † Frjentsjer 20-10-1928, 71 jier; DG; ferhuzet op 8-101-1889 nei Den Bosch; hy komt op 14-10-1897 út Bergen op Zoom yn te wenjen by syn suster Nies en man en bern Petræus te Amsterdam en wennet dêr letter yn ’e Nieuwe Leliestraat 110, ferhuzet dêrwei nei syn suster Akke en man en bern Olie te Amsterdam; komt yn maaie 1906 út Nederlâns Indië by syn suster Riemke-en-dy yn te wenjen te Peins; wurdt dêrwei op syn troudei oerskreaun nei Peins (nr 58); by trouwen dêr sûnder berop; dêrnei dêr arbeider (nrs 13a, 28, 25, 30); ferhuzet op 3-5-1926 dêrwei (fan nr 30) nei syn suster Antsje-en-dy har man Jan Hinnes Visser en syn sân omkesizzers dêr op Burgumerheide (Burgum nrs 617, 689, 688) ferhuzet dêrwei op 9-5-1928 nei Frjentsjer (Godsacker 35); by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer;
x Frjentsjerteradiel 17-11-1906, 49 en 46 jier, Rinske Arjens Post * Peins 27-11-1859 † dêr 30-1-1926, 64 jier; foar har boaskjen arbeidster te Peins (13a); by trouwen dêr sûnder berop; dr fan Arjen Klazes Post en Fokeltje Gerlofs Jongma, koaltsjers te Peins (10k, 33k)
Gerryt wurdt op 15-3-1877 goedkeurd foar de militêre tsjinst en frijststeld fanwegen bruorretsjinst.
Sinjalemint: 1 meter, 630 mm; Aangezigt: rond; Voorhoofd: lang; Oogen: grijs; Neus: klein; Mond: ord(inair=gewoan); Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id(em); Merbare teekenen: geene.

Gerryt is trije kear plakferfanger yn ’e militêre tsjinst: yn 1881 foar in jonge út Hinnaarderdiel, yn 1887 foar ien út Branbân en yn 1896 foar ien út Den Haach.
8 Hitje Pieters Nammensma * Tsjummearum 16-4-1859; giet -11-1869 út ’e hûs nei in tsjinstplak yn Tsjummearum op nr 166; faam te Furdgum; sûnt Alde Maaaie 1879 ynwenjend faam by Thys Foekes Rienks en Froukje Aukes van der Wal, bouboeren te Rie (nr 26k); ferhuzet op Alde Maaie 1881 nei Penjum – fan Hitsje is fierders noch neat fûn
9 Antje Pieters Nammensma * Tsjummearum 29-12-1860 † Burgum 29-3-1959, 98 jier; NH, DG, letter NH; m.y.f. 6-12-1880 tsjinstfaam yn it Gesticht te Harns (F32); ferhuzet dêrwei op 29-4-1881 nei Tsjummearum; dêrnei faam te Frjentsjer, komt op 13-7-1882 dêrwei by har mem yn Tsjummearum, ferhuzet dêrwei op 29-12 fan ’t selde jier wer nei Frjentsjer; Antsje komt op 12-12-1889 yn te wenjen by har lettere man te Burgum, mooglik as húshâldster; by trouwen dêr sûnder berop, even earder te Frjentsjer;
x Tytsjerksteradiel 18-1-1890, 29 en 30 jier, Jan Hinnes Visser * Burgum 13-2-1859 † Burgum 8-6-1948, 89 jier; NH, letter GT; by earste en twadde houlik arbeider te Burgum; fjildarbeider op ’e Burgerheide (Burgum nrs 617, 689, 688, 496 bûten: Tsjerkereed; m.y.f. 1-1-1900: nr 894; m.y.f. 1-1-1910: bûten Burgum nr 637); sn fan Hinne Jans Visser en Grietje Alles de Vries
Jan x 1 Tytsjerksteradiel 22-5-1886, 27 en 25 jier, Gaitske Fokkes Hamstra * Aldegea, Smellingerlân, 29-6-1860 † Burgum 15-12-1888, 28 jier; by trouwen sûnder berop te Aldegea, by ferstjerren arbeidster te Burgum; dr fan Jan Fokkes Hamstra, arbeider te Aldegea, en Berbertje Minnes Zwerver, as widdo arbeidster te Aldegea
10 Akke Pieters Nammensma * Tsjummearum 2-5-1864 † Amsterdam 5-11-1940, 76 jier; DG; ferhuzet 2-12-1880 by har mem wei nei Harns; ferfart op 26-9-1889 idem út Tsjummearum nei Amsterdam;
x Amsterdam 11-5-1892, 28 en 36 jier, Johannes Willems Olie * Noardwâlde 7-7-1855 † Wapserveen, Westerveld, Drinte 10-4-1911, 55 jier; by earste boask arbeider te Noardwâlde; wennet te Amsterdam yn ’e Jacob van Lennepstraat 52; sn fan Willem Jans Olie, yn 1880 arbeider te Noardwâlde, en Femmigje Ales Kooistra;
Willem x 1 It Bilt 9-12-1880, 25 en 16 jier, Elisabeth Jaspers Keizer * Berltsum 14-3-1864; by trouwen sûnder berop te St.-Anne; komt op 13-12-1889 út It Bilt yn Amsterdam; dr fan Jasper Klazes Keizer, yn 1848 timmerfeint te St.-Anne, yn 1864 idem te Berltsum, yn 1880 idem te St.-Anne, en Aafke Feijes Felstra (yn Boargerlike Stân: Velstra, Veldstra; Aaf tekenet sels: Felstra), by har trouwen yn 1848 wurkfrou te Berltsum
11 Jantje Pieters Nammensma * Tsjummearum 25-10-1867 † Ljouwert 14-10-1950, 82 jier; NH, DG, G; wennet yn 1900 te Zaandam, komt dêrwei op 13-1-1900 by har suster Reintsje-en-dy te Slappeterp; ferfart dêrwei op 2-3-1900 nei Amsterdam; by trouwen húshâldster te Lekkum – by har lettere man tink; yn1940 mei Eibert sûnder berop te Ljouwert;
x Ljouwerteradiel 18-8-1909, 41 en 39 jier, Egbert Geerts van der Veen * Hurdegaryp 14-1-1870 † Kollum, wenjend te Ljouwert, 2-3-1948, 78 jier; NH, letter G; Eibert syn heit-en-mem ferstjerre dei op dei op 10 en 11-7-1881; Eibert ferhuzet út syn âldershûs te Hurdegaryp op 5-9-1881 nei Feanwâlden; arbeider, by earste boask en yn 1895 te Rinsumageast, komt mei syn frou Sytske en de trije bern op Alde Maaie 1897 út Feanwâlden yn Hurdegaryp; ferhuzet dêrwei op 17-8-1898 nei Lekkum (nrs 63, 109, 114, 145, 101, 110); by syn twadde houlik dêr arbeider; ferhuzet op 18-8-1907 dêrwei nei Ljouwert (Houtstraat Z210, Eigen Brood Bovenal P66), dêr los arbeider, yn 1911, ’12 dêr arbeider, letter dêr túnman, yn 1920 dêr blommist; sn Geert Theunis van der Veen, fisker te Hurdegaryp (151BK), dêr letter arbeider (122, 109 BK bûten), en Grietje Egberts van der Laan;
Eibert x 1 Dantumadiel 19-5-1894, 24 en 23 jier, Sijtske Klazes Bouwer (yn akten ek: Sietske; by de berte ynskreaun as: Sijtske) * Wyns 26-3-1871 Lekkum 6-7-1907, 36 jier; by trouwen faam te Stiens; dr fan Klaas Thomas Bouwer, arbeider te Wyns, en Jitske Romkes Kingma, Jitske kin net skriuwe

§ Skraabjen om ’e kant – Bouboer, koaltsje-komelker, arbeider
Piter Ales Nammensma is by syn trouwen arbeider en dêrnei even bouboer te Tsjummearum. Hy hat it bouboerwêzen net bolwurkje kinnen, want yn ’t selde jier – yn 1844 – is er dêr koaltsjer.
Yn 1851 hiert er foar fiif jier boulân fan Jetse Bosma te Ljouwert; hiersom foar 1 jier: f 80,00, en foar fjouwer jier: f 90,00 yn ’t jier; hierkontrakt 10-3-1851, notaris: Gijsbertus Schot te Frjentsjer; Repertoire: 041086.
Yn 1854 hiert Piter Ales boulân fan Lodewijk Petræus, skoanheit fan syn suster Njisk.
Neffens de grutte fan syn boerespultsje yn dy jierren hat er ek komelkerij, der is plak foar fjouwer kij. Piter ferkeapet op 10-11-1854 greide ûnder Tsjummearum, 1 bunder, 46 roeden, 60 el. Syn komelkerij wurdt feild op 8-11-1858, sjoch de advertinsje hjirûnder.

By de berte fan syn dochter Antsje yn 1860 kin Piter sels gjin oanjefte dwaan fanwegen sykte; yn 1862 stiet er te boek as arbeider. It is mei in húshâlding fan alve bern – sawat alle jierren ien – skraabjen om ’e kant en der binne gjin fersekeringen. As der dan ek noch sykte oerhinne komt.

Afke makket as bouboeredochter yn har trouwen alle stadia fan it boerwêzen troch: bouboerinne, koaltsjerske, komelkerske, arbeidster – en dat lêste yn har widdoskip allyksa.

Leeuwarder Courant, 19-11-1858

§ Arbeider-koaltsjer-gernier-boer
Piter Ales is bouboer, koaltsjer/gernier, komelker en arbeider.
In bouboer (arable farmer) hat syn mingd bedriuw: bou en greide. Hy bout ierdappels, nôten (hjouwer, koarn, rogge, weet), biten, koalsied, en hat dêrneist in feebeslach fan op syn minst sân yn tal. Hy regelet it bedriuw en ierdappelsiket en melkt sels ornaris net. Hy is wat letter neamd wurdt ‘manager’, mar dan wol mei dit ferskil: hy stiet mei beide fuotten yn ’e klaai. De bouboerinne betinkt en stjoert it húshâlden út de foarein wei; se docht sels inkelris in hantaast, ek om fet op ’e saak te hâlden (=feeling).


In koaltsjer (cabbage grower/kooltjer) is ien dy’t benammen koal ferbout: boerekoal, blomkoal, griene-, wite-, reade-, spits-, savoaie koal, sprútsjes, sûchwoartel (parsnip/pastinaak), sipels (onions) en rapen (kohlrabi). Mar it bouplan kin allyksa útwreide wêze mei griente en fruchten: woartels, beane, wytlof en appels, parren, prommen, ierdbeien, swarte- en reade beien, dan feroaret de koaltsjer yn túnker, túnder, túnbouwer. En by it bouwen fan ierdappels (potatoes) komt de gernier (gardener/gardenier) yn byld. Mei de gernierkerij kin dêroerhinne allyksa flaaks (flax), blaumoantsjesied (blue moonseed) en sûkerei (chicory/chicorei) anneks wêze; en der kin in ko as twa molken wurde, foar eigen gebrûk. Soks kin groeie en útrinne op it boer-wêzen.

De begripen koaltsjer-gernier-boer kinne min ofte mear yn inoar oerrinne. Wêr leit de grins? Dy skynt him net fêstlizze te litten.
Sa kin yn ’e 19de en begjin 20ste iu yn Fryslân en Grinslân ien mei ien pûnsmiet (36,74 are) trochgean foar gernier, mar ien mei mear as hûndert moargen (1 moargen = 9.200 m²) mei deselde beropsoantsjutting fierder libje en noait ofte nimmer de ‘titel’ fan boer bedije.
Sa’n gernier bebuorket dan mear hektares as in trochsneed boer yn ’t selde doarp. Syn tûkens leit by de oerdappelteelt, hy hat gjin fee dat makket. Sa’nien wurdt ek wol gewichtiger ierdappelgernier of inkeld ierdappelboer (potato farmer) neamd.

In komelker (cow milker) dêrfoaroer is mei syn wiif, Selsstannige Sûnder Personiel avant la lettre, wol yn ’t fjild te finen. Se melke sels. Se hâlde har meast by har kij, mar dan net tefolle; har behindich feebeslach hâldt wol op by in kobist of acht – sa net, dan feroaret komelkerske yn greidboerinne (livestoch farmer) en tsjernet se mei de fammen en soarget se foar bûter en tsiis op ’e merk – de begearde earste keur fansels.
Mar komelkerske hat foar de aardichheid oer har kokes hinne it lytsfee: de skiep en geiten; foar har skieppetsiis en geitetsyskes, ek as ynstruierke.

En arbeider, koaltsjer, gernier, komelker, greid- of bouboer, se ha allegear hinnen.

§ Fan Herformd nei Doopsgesind – Nammensma’s fanâlds otterdoks Kalvinist
De Nammmensma’s binne oer it generaal otterdoks Herformd.

Afke Hyltsjes Postma wurdt as widdo fan Ale Pieters fan Herformd Doopsgesind; mei alle bern – op Reintsje nei, sa’t liket.
Yn Easterbierrum en Seisbierrum geane de herfoarmden yn ’e 19e iu meast net mei yn ’e frijsinnige rjochting, mar bliuwe se dêr orthodoks protestant. De measte manlju binne dêr bewend tsjerkeriedslid en tsjerkfâd.

§ Hoe faak ferfard in faam – Jantsje Nammensma ferkeart foar har trouwen fan 1892 oant 1906 op mear as tweintich plakken
Jantsje Piters Nammensma is ynwenjend faam en húshâldster foar har houlikse steat.
Har bestean is behoarlik hinne en wer, hjirûnder in greep út har karrière:
-yn 1892 is se faam te Tsjummearum
-sûnt 2-11-1892 faam op nr 198 te Seisbierrum 1894
-se ferfart dêrwei op 17-5-1893 nei Frjentsjer
-sit yn 1894 te Amsterdam
-sûnt 3-11-1894 húshâldster by Simon Baukes Post, widner sûnt 1887 fan Hepkje Johannes Post, koaltsjer te Tsjummearum, en syn pakesizzer Rense Hoekstra
-Jantsje ferfart dêrwei op 3-5-1895 nei Oostzaan
-komt op 18-6-1896 út Amsterdam as faam by Gerardus Ploos van Amstel, grifformeard dûmeny te Wûns, en Anna Catharina Schut
-ferhuzet derwei op 6-11-1896 nei Snits
-komt op 2-12-1896 út Wûns te Snits op nr 7-31
-ferhuzet dêrwei op 30-9-1897 nei Eastdongeradiel
-komt op 8-1-1898 as húshâldster by widner Pier Piers Posthuma de Boer, boer, letter arbeider te Ie (32 bûten), mei syn sân bern en twa oantrouden
-wurdt dêrwei oerskreaun 23-12-1897/31-1-1898 nei Amsterdam
-komt op 15/16-10-1898 út Amsterdam op nr 152 te Seisbierrum
-ferfart dêrwei op 10-11-1898 nei Harns
-komt op 2-1-1899 út Harns yn Bolswert
-ferhuzet dêrwei op 30-3-1899 nei Zaandam
-komt dêrwei op 13-1-1900 by suster Reintsje-en-dy te Skingen (sjoch: X.4.4)
-ferfart dêrwei op 2-3-1900 nei Zaandam
-Jantsje is sûnt 26-5-1904 húshâldster by Rein Cornelis de Vries, beurtskipper, letter gernier te St.-Jabik (164, J12) en syn seis bern, in skoansoan en pakesizzer
-se ferfart dêrwei op 2-11-1905 nei Amsterdam
-komt dêrwei op 28-6-1906 by broer Hyltsje-en-dy (sjoch: X.9) te Achlum (nr 134)
-ferhuzet dêrwei op 9-11-1906 nei Haarlem-komt dêrwei op 8-1-1908 te Lekkum op nr 110
-Jantsje wurdt dêrwei oerskreaun nei Ljouwert op 18-8-1909 – har troudei.

GENERAASJE X
X.1 Nammen Nammens Nammensma
 * Tsjummearum 25-9-1829 † Seisbierrum 5-7-1900, 70 jier; by syn trouwen arbeider, wenjend te Rie, ferbliuwend te Seisbierrum, grif by Neeltsy, syn lettere frou; sûnt syn boaskjen bouboer op Donia state; sn fan Nammen Nammens Nammensma (1797-1854) en Maartje Jans Post (ek: Maatje, de r is stom by útspraak yn ’t Bilts en Frysk; suster fan Geertje x Sjoerd Meinderts Donia, sjoch: § Koart oersjoch Donia-Jukema-Nammensma-Jukema); Nammen en Maatsy binne bouboeren te Tsjummearum en Rie; Nammen is in pakesizzer fan Nammen Nammens Nammensma x Bottje Jelles (IV.5; sjoch: § Jukema, Donia en Nammensma stamme út itselde skaai)
Nammen krijt op 18-4-1848 as ramplesant by nûmerferwikseling foar de militêre tsjinst Fokke Heeres de Vries te Berltsum; notaris: Jan Daniël van der Plaats te Ljouwert; Repertoire: 075042
x Barradiel 22-5-1852, 18 en 22 jier, neef en nicht, Neeltje Sjoerds Donia * Seisbierrum 8-9-1833 † dêr 28-10-1905, 72 jier; ferhuzet as jongfaam nei Rie ‘als zijnde pupil van Nammen Nammensma aldaar’, Nammen, Neeltsy har lettere skoanheit, is ek har fâd; by trouwen stiet Neeltsy te boek as ‘drijvende boerderij’ te Seisbierrum, wenjend te Rie; sûnt har trouwen bouboerinne op Donia state ûnder Seisbierrum (134, 270, 218); by ferstjerren dêr sûnder berop;
(Neeltsy is wees en minderjierrich, dat: ‘hebbende de grootvader van vaders zijde Meinderts Sjoerds Donia buiten bedrijf te Sexbierum woonagtig deszelfs toestemming tot dit huwelijk gegeven’); dr fan Sjoerd Meinderts Donia en Geertje Jans Post, suster fan Maatsy Jans Post x Nammen Nammens Nammens IX.1

§ In sit yn Tsjerke, Steat en Maatskippij – In begoedige boer is nammentlik ek bestjoerder
Foar it twadde part fan ’e 20ste iu is in geseten boer in man fan kwizekwânsje. Dat betsjut dat er yn ’e praktyk in foarbestimde en beklonken sit hat yn Tsjerke, Steat en Maatskippij.
Sa ek Nammen Nammens Nammensma. Hy is tsjerkeriedslid fan ’e Herfoarmde Gemeente fan Seisbierrum en administrearend tsjerkfâd te Seisbierrum.
Hy is lid fan it Burgerlijk Armenbestuur fan Barradiel foar Seisbierrum, lid fan ’e Commissie van Geloofsbrieven fan gemeenteriedsleden fan Barradiel, gemeenteriedslid fan Barradiel.
Hy is bestjoerslid en folmacht fan ’e wetterskipppen Der Vijf Deelen Zeedijken Binnendijks en Der Vijf Deelen Zeedijken Buitendijks, ûntfanger fan ’e Floreenútjeften fan Barradiel, lid fan it College van Zetters. Hy is op 14-05-1888
mei-oprjochter en bestjoerslid fan ’e Coöperative Stoomzuivelfabriek te Seisbierrum.
Hy is boppedat yn ’e kulturele sfear lid fan it Friesch Genootschap, etc. etc. etc.

Nammen Nammens Nammensma.
Fotograaf: C.B. Broersma, Ljouwert

Neeltje Sjoerds Donia.
Fotograaf: C.B. Broersma, Ljouwert
Leeuwarder Courant, 25 en 28-5-1852
Bern fan Nammen Nammensma en Neeltsy Donia, en mooglik nichten en boerefammen,
foar Donia state
Leeuwarder Courant

§ Heech oanskreaun
Neeltsy en Nammen stean konsiderabel op ’e list by de belestingoanslaggen.

Lijst van de hoogst aangeslagenen in de Rijksdirecte belangen in de provincie Friesland, vastgesteld bij besluit van Gedeputeerde Staten dier provincie – Jaar 1896/97.
Leeuwarder Courant, 4 en 23-5-1890

§ Ferdieling bûdel fan Neeltsy en Nammen – Twa pleatsen en in hearebank lykfoar de preekstoel oer
Op 6-6-1906 wurde de bûdels fan Nammen, Neeltsje en soan Meindert, ferdield by akte beskreaun by notaris Hylke de Koe te Frjentsjer. Dêrút docht bliken dat
-yn 1878 de pleats op ’t War ûnder Frjentsjer oankocht is, dêr’t soan Sjoerd op buorket;
-Nammen út de âlderlike boel in hûs oan ’e feart ûnder Boer krige (akte notaris Albert Witholt te Seisbierrum, 16-11-1866);
-perselen lân oankocht binne dy’t by de pleatsen fûge waarden;
-dat it totaal fan ’e ferdielde baten f 324.768,68 is, elk fan ’e twa bern krijt dêrfan f 108.256,22 en elk fan ’e fiif bern fan Sjoerd f 21.651,24;
-dat in oerdekte tsjerkebank mei trije manljussitten en trije frouljussitten oan ’e noardlike muorre foaroer de preekstoel yn ’e grutte tsjerke fan Seisbierrum, en dêrby hearrende trije bibels foar f 400,00 tadield oan Jan.
Tadield wurdt fierders:
1 oan Nammen de pleats Donia state, grut 47.96.40 ha., wurdearre op f 97.955,85 plus de al makke kosten fan ’e kommende risping, en f 14.28.50 ha. lân en alle replik guod. Nammen set sadwaande it âlderlik bedriuw troch;
2 oan Jan 7.67.30 ha. lân foar f 15.820,50 en 12.62.40 ha. lân foar f 21.894,50 en fierder effekten oan Russyske obligaasjes
3 oan de bern fan Sjoerd de pleats op ’t War ûnder Frjentsjer, grut 44.54.18 h., wurdearre op f 78.617,10, plus ferrekkenfoarderingen.


Hjirûnder in steatsje fan it ûnreplik guod dat Nammen en Neeltsy earder ûnder oaren oanhelle ha en waat oare hannel.
Nammen keapet:
-op 26-6-1854 fan Pieter Jelles Leistra troud mei Nienke Jacobs Douma te Seisbierrum, de helte fan it snikkefearskip de Johannes Wilkeshuis; keapsom: f 1.530,00; notaris: Albert Witholt te Seisbierrum; Repertoire: 117028
-op 7-12-1859 trije perselen boulân te Easterbierrum; keapsom: f 5.967,00; notaris Witholt
-op 30-4-1862 fan Gerben Gellius Dijkstra te Easterbierrum in hûs mei hiem en bougrûn te Easterbierrum nr 80; keapsom: f 800,00; selde notaris
-op 7-10-1878 fan Jan Jans Miedema te Wûns, Gerrit Pieters Miedema te Tsjerkwert (fâd oer Jan en Jacoba Jacobs Mulder) en Johannes Tjeerds Zijlstra te Baaium (fâd oer Tjeerd, Bernardus, Anna, Theodorus en Agatha Zijlstra), in sate en lân te Frjentsjer – dat sil de pleats op it War wêze -; keapsom: f 78.848,00; notaris: Nicolaas Laurentius Jacobus Bruinsma te Bolswert; Repertoire: 017085
-op 16-10-1883 fan ’e Doopsgezinde Sociëteit yn Fryslân greide te Easterbierrum; keapsom: f 2.880,00; notaris: Allert Ottema te Ljouwert; Repertoire: 080061
-op 30-1-1888 fan ’e famylje Tombrock te Frjentsjer in hûs c.a. te Frjentsjer; keapsom: f 2.402,00; notaris Ottema
-op 22-9-1884 fan syn boer Jan te Frjentsjer in stik greide te Berltsum; keapsom: f 2.200,00; notaris Hylke de Koe te Seisbierrum; Repertoire: 117057
-op 20-11-1886 fan Jan Jans Burggraaff, troud mei Wietske Klazes Hiemstra te Grand Rapids, U.S.A perselen lân te Seisbierrum; keapsom: f 7.950,00; notaris De Koe
-op 7-10-1889 fan Hendrik Zijlstra te Dronryp trije perselen greide te Frjentsjer; keapsom: f 9.617,00; notaris: Addick Adrianus Land te Frjentsjer; Repertoire: 040088
-op 18-6-1896 fan Age Gerrits Koudenburg te Seisbierrum bou en greide en gebouwen te Seisbierrum; keapsom: f 42.251,00; notaris De Koe

Age is in healbroer fan Geertrui Elisabeth Koudenburg, de skoandochter fan Nammen en Neeltsy: Age wennet sûnt 31-5-1877 te Seisbierrum sûnder berop, is dêr sûnt 1-7-1881 bouboer (283), ferfart op 10-5-1987 nei Achlum, is dêr oant 9-5-1898 boer, en sûnt Alde Maaie 1898 winkelman te Pitersbierrum (51, 38, 35, 33), by syn ferstjerren op 23-9-1933 is er dêr sûnder berop; yn ’t lêst wurdt er ‘rentetrekker’ neamd; x Rinske Philippus Bakker.
Nammen ferkeapet:
-op 15-11-1856 oan Pieter Rinses Post te Seisbierrum in perseel boulân; keapsom: f 564,00; notaris Witholt
-op 5-12-1859 oan Gerrit Jans Koudenburg te Minnertsgea de helte fan ’e net-oerdekte snikke Johannes Wilhelm; keapsom: f 1.409,00; notaris Witholt
-op 16-1-1869 oan Eelke Klazes Wetterauw te Easterbierrum lân op Kleaster Lidlum
Nammen ruilet op 30-4-1862 mei de Tsjerkfâdij fan ’e Herfoarmde Gemeente fan Easterbierrum it hûs nr 57 te Easterbierrum tsjin nr 32; notaris Witholt
Nammen krijt by bûdelskieding op 16-11-1866 in hûs mei hiem te Rie; wearde f 475; notaris: Albert Witholt te Seisbierrum; Repertoire: 117028
Neeltsy keapet op 26-10-1904 fan Johan, Petrus Johannes en Geertrui Wilhelmina Eduarda Hora Adema, frou fan Gerard Kniphorst, allegear te Den Haach, de perselen 19-29 te Seisbierrum; keapsom: f 20.004,00; notaris: Sjoerd Haagsma te Snits; Repertoire: 121042

Fan Nammen en Neeltsy ferskine twa kear in rouadvertinsje yn ’e Ljouwerter Krante.
Begoedige lju setten faak mear as ien annônse. Arbeiders koenen har net in advertinsje permitteare.

Leeuwarder Courant, 3 en 7-7-1900

Leeuwarder Courant, 1 en 3-11-1905

Neeltsy en Nammen litte har hynders mei reau drave foar fermaak. Sa ek te Boalsert op ’e merke fan 3 septimber 1857:

Leeuwarder Courant, 4-9-1857
Leeuwarder Courant, 24-1-1871

Bern fan Nammen Nammens Nammensma en Neeltje Sjoerds Donia:
1 Geertje Nammens Nammensma
 * Seisbierrum 5-5-1853 † Mullum 3-5-1891, 37 jier; NH, letter KG; ferhuzet -5-1871 fan Donia state nei Frjentsjer; en op ’e nij idem yn maaie 1879; komt op 19-5-1884 dêrwei wer op Donia state, by trouwen dêr sûnder berop; ferfart dêrwei op har troudei nei Hallum; sûnt 6-10-1885 bouboerinne te Mullum;
x Barradiel 12-6-1884, 31 en 35 jier, Martinus Tjepkes Wassenaar * Hallum 9-5-1849 † Mullum 23-2-1895, 45 jier; by trouwen sûnder berop te Hallum; ynskreaun op 6-10-1885 as bouboer te Mullum; KG; sn fan Tjepke Klazes Wassenaar en Pietje Gijsberts Postma, bouboeren te Hallum;
Martinus x 2 Harns 9-6-1892, jier, 43 en 39 jier, Bieuwkje Rinses de Ruiter * Harns 25-4-1853 † dêr 23-4-1906, 52 jier; KG; by trouwen sûnder berop te Harns; komt út Harns op ’e pleats te Mullum op 10/16-6-1892, ferfart dêrwei op 19-12-1895 nei Harns; dr fan Rinse Abrahams de Ruiter, yn 1853 kantoarfeint te Harns (EH113), dêr letter saakwaarnimmer, en Fokkje Riemers Lamminga
Sjoch: W.Tsj. Vleer, De Friese Wassenaars, Wassenaar Comité, 1963, 1989, side 337

Geertje Nammens Nammensma.
Fotograaf: Hofphotograaf Th. M. Staas, Fa. E. Fuchs, Willemskade, Súdside, Letter W1, Ljouwert
Martinus Tjepkes Wassenaar.
Fotograaf: Hofphotograaf Th. M. Staas, Fa. E. Fuchs, Willemskade, Súdside, Letter W1, Ljouwert
Leeuwarder Courant, 8, 11 en 18-5-1891

2 Nammen Nammens Nammensma * Seisbierrum 23-4-1855 † dêr op Donia state 4-7-1921, 66 jier; sûnt 8-3-1884 bouboer te Easterbierrum op nr 184, sûnt 1-11-1900 dêr bouboer op nr 169; sûnt 13-2-1907 mei syn mem en fierders oant syn ferstjerren idem op Donia state (278, 323, 311); net troud
Nammen krijt by nûmerferwikseling op 22-4-1875 as plakferfanger foar de militêre tsjinst Jan de Jong te Bolswert en op 6-9-1875 as plakferfanger Franciscus Buikstra te Bolswert; notaris: Zytse Sybouts de Haan te Ljouwert; Repertoire: 082090

Nammen Nammens Nammensma.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Weard G 35, Ljouwert
Nammen Nammens Nammensma.
Nammen hat twa Dobbermanhûnen Fox en Juno, woeste waakhûnen, dy nimt er nimt ek mei as er buorket yn ’e jirdkarre. As it simmerdeis moai waar is, hat it skorút by de foardoar fan Donia state iepen en dan springe dy hûnen der út en yn.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W 14, Ljouwert

3 Sjoerd Nammens Nammensma * 18-10-1856 † dêr 25-3-1857, 5 moanne
4 Sjoerd Nammens Nammensma, folget XI.1 
5 Meindert Nammens Nammensma * Seisbierrum 2-1-1861, 12.45 oere, † dêr 23-1-1862, hûsnr 134, 21 dagen, twilling mei Maatsy
6 Maartje Nammens Nammens * Seisbierrum 2-1-1861, 1.30 oere, † dêr 23-1-1861, hûsnr 134, 1 jier; twilling mei Meindert
7 Meindert Nammens Nammensma * Seisbierrum 26-12-1862; NH; ferfart 12-3-1873 fan Donia state nei Harns (C41), is dêr sûnder berop; ferfart dêrwei op 6-7-1876 nei Bennekom; komt op 25-6-1878 út Ede op Donia; ferhuzet dêrwei op 4/16-9-1878 nei Snits (hûsnr 7-108, 7-72); Meindert wurdt op 15-3-1882 ta de militêre tsjinst oanwiisd, mar krijt as ramplesant Sybren van der Plaats, 1e Rezimint Ynfantery; Meindert komt op 4-9-1884 út Snits wer op Donia state; ferfart dêrwei op 11-3-1901 nei Ermelo

Meindert Nammens Nammensma.
Fotograaf: E.B. Broersma, Nijstêd K 93, Ljouwert

8 Jan Nammens Nammensma * Seisbierrum 31-3-1865 † dêr 1-6-1865, hûsnr 134, 2 moanne
9 Jan Nammens Nammensma, folget XI.2

§ Fan slachte oant slachte
Op Donia state buorket sûnt omstrings 1700 it skaai Donia-Jukema-Nammensma-Jukema.
Dat binne tsien generaasjes.
I
De earsten dêrfan binne Meynert Sjoerds * 1681 † 21-8-1766; Meynert buorket op Donia oant 1754, dan folget syn soan Sjoerd him op;
x 1 Reintie Jans ~ Easterbierrum 13-1-1695 † dêr 1718; dr fan Jan Freerks en Trijntje Tjeerds;
x 2 Attie Baukes † 30-4-1797
II
De twadden binne Sjoerd Meijnerts ~ Easterbierrum 17-11-1717 † Seisbierrum 5-8-1809, 91 jier; sûnt 1754 boeren op Donia state; sn fan Meynert Sjoerds en syn earste frou Attie Baukes;
x Tsjummearum 9-12-1753, beide fan Tsjummearum, Trijntie Claeses ~ Tsjummearum 13-4-1727 † 17-7-1795; dr fan Claes Pijtters (* 1692 en Sijke Gerlofs
Bern:
1 Reintie Sjoerds
* 29-6-1759 † -6-1759, ferstoarn nei in healoere
2 Reintje Sjoerds Donia (yn Doopboek: Reijntje) ~ Easterbierrum 17-5-1767 † Seisbierrum 17-11-1825, hûsnr 52, 58 jier; yn 1823 sûnder berop te Easterbierrum; yn ’e stjerakte fan har man arbeidster te Easterbierrum neamd;
x Seisbierrum 30-4-1786, beide fan Seisbierrum, Jarig Jans Hibma * Seisbierrum omstrings 1757 † Easterbierrum 30-5-1823, 66 jier; bouboer ûnder Seisbierrum, by ferstjerren koaltsjer te Easterbierrum; sn fan Jan Jansen en Tjetje Pijters
Jarich fiert de namme Hibma al by syn trouwen.
3 Meijndert Sjoerds Donia, doopt as Meijndert, letter meast: Meindert, folget hjirnei, III:
III
De tredden binne Meindert Sjoerds Donia * Easterbierrum 1769 ~ dêr 9-4-1769 † Seisbierrum, Donia state, 8-8-1858, hûsnr 108, 89 jier; nimt de pleats fan syn heit oer yn maaie 1795; Meindert keapet Donia state yn 1804, dan 123 pûnsmiet; keapsom: f 25.507, 25 stuorren en 8 pinningen;
Meindert wurdt yn 1813 húsman te Seisbierrum neamd en yn 1823 dêr ‘erfgezeten huisman’; Meindert is adjunkt maire (=loko-boargemaster) fan Seisbierrum; gemeenteriedslid fan Barradiel, wethâlder, tsjerkfâd en earmfâd, kommittearde fan it Wetterskip Easterbierrum; Meindert bliuwt syn hele libben op Donia, hy wennet yn by syn soan Sjoerd en pakesizzer Neeltsy-en-dy;
x Seisbierrum 11-7-1790 Aafke Jelles Jukema * Seisbierrum 6-2-1766 ~ dêr 23-2-1766 † dêr 1-6-1833, hûsnr S108, 67 jier.
Op 12-3-1812 nimt Meindert de namme Donia oan – nei de pleats dêr’t er op buorket: Donia state – foar himsels en syn beide bern Sjoerd en Trijntje Meinderts Donia.

Ljouwerter Krante, 17-8-1858

Bern:
1 Trijntje Meinderts Donia
* Seisbierrum 10-4-1791 ~ dêr 7-4-1791 † Harns 9-6-1817, Wyk I nr 16, 26 jier; by trouwen ‘voluit zonder Beroep’; by ferstjerren sûnder berop te Harns;
x Barradiel 17-5-1813, 22 en 21 jier, Tjeerd Jacobs Vellinga * Minnertsgea 24-2-1792 ~ dêr 25-3-1792 † Harns 27-2-1837, Wyk I nr 16, 45 jier; by trouwen ‘voluit Koopman’ te Minnertsgea; dêrnei keapman te Harns; yn 1836 en by syn ferstjerren dêr houtkeaper bûten de ‘Franekerpijpen J.15/16’; sn fan Jacob Tjeerds Vellinga, yn 1813 ‘Meester huistimmerman’ te Minnertsgea, en Tietje Klaases Kingma; Tytsje Kingma is de twadde skoanmem fan Aafke Tjeerds Vellinga, se is de twadde frou fan Johannes Gerrits Brugsma syn heit Gerrit Jacobs Brugsma;
Tseard x 2 Harns 27-6-1819, 27 en 26 jier, Anna Victor Kliffort (ek: Clifford – yn har stjerakte bygelyks; tekenet sels by trouwen: Kliffort) * It Hearrenfean omstrings 1794 † Harns 17-3-1837, Wyk I nr 16, 43 jier; by trouwen faam ‘even buiten dog onder Harlingen behoorende’; by ferstjerren sûnder berop te Harns; dr fan Victor Adam Kleffort (ek: Clifford; tekenet sels by namme-oannimmg yn 1811: Kleffort), koaltsjer te Harns, en Aaltje Gerrits (ek: Aatje)
2 Sjoerd Meinderts Donia * Seisbierrum 12-10-1792 ~ 21-10-1792 † dêr 4-5-1793, 6 moanne
3 Sjoerd Meinderts Donia, folget IV

De twa dochters fan Trijntje Meinderts Donia en Tjeerd Jacobs Vellinga, Aafke en Tytsje, binne yn ’e mande mei Neeltje Sjoerds Donia (V, hjirûnder) erfgenamten fan Donia state.
Fâd oer Aafke en Tytsje is har neef Jacobus Johannes Kuipers , strânmaster en dyksopsichter te Seisbierrum (106), Easterbierrum (86, 173) en Tjummearum; sn fan Johannes Jakobs Kuipers, timmerfeint te Minnertsgea, en har muoike Trijntje Jacobs Vellinga;
tasjend fâd is har healbroer Jacob Tjeerds Vellinga te Harns.
1 Aafke Tjeerds Vellinga * Harns 22-4-1814 † Ljouwert 19-10-1861, 47 jier; Aafke en Jehannes dogge op 20-4-1837 belidenis te Dronryp; se ferhúzje dêrwei yn 1849 nei Ljouwert;
x Barradiel 24-4-1835, 21 en 24 jier, Johannes Gerrits Brugsma * Achlum 17-2-1811 ~ dêr 10-3-1811 † Ljouwert 3-4-1886, 75 jier; by trouwen bakkersfeint te Seisbierrum; yn 1835 skipper te Dronryp, yn 1838 dêr keapman, yn 1840 dêr Mr bakker; sûnt 1849 keapman te Ljouwert, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Gerrit Jacobs Brugsma, keapman te Achlum, yn 1835 idem te Harns, letter sûnder berop te Dronryp, tsjerkeriedslid NH te Achlum, en Grietje Jacobs Tolsma
Sjoch: Goasse Brouwer, Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema – 12-13
Jehannes is as Mr Bakker te Dronryp gauris yn ’e huzehannel, in greep:
hy ferkeapet:
-24-9-1839 oan Jaldert Gjelts Meijer, troud mei Siplke Sybrens Leyenaar te Baard in hûs mei tún te Dronryp; keapsom: f 1.200,00; notaris: Tjeerd Alma te Menaam; Repertoire: 103031
-17-1-1846 oan Sybren Reinders Bantema, man fan Akke hayes Westerveld te Dronryp, dêr in hûs en hiem; keapsom: f 5.000,00; selde notaris
Jehannes keapet:

-19-9-1839 fan Wolter Gerrits Veenstra te Dronryp, dêr in hûs; keapsom: f 2.300,00; notaris: Tjeerd Alma te Menaam; Repertoire: 103031
-30-12-1840 fan Piter Gerbens Sinnema, nôtkeapman te Dronryp, dêr in hûs mei hiem; keapsom: f 2.200,00; notaris: Johannes Bernardus Schultze te Dronryp
-5-1-1846 fan Antje Uiltjes Bakker te Dronryp en har sibben in hûs mei bakkerij en grûn te Dronryp; keapsom: f 2.000,00; selde notaris
2 Tietje Tjeerds Vellinga * Harns 21-3-1815 † dêr 12-12-1848, Soutsloot A 122, 33 jier; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Harns;
x Harns 10-11-1836, 21 en 22 jier, Feitze Jans Zwanenburg (by de berte: Swanenburg) * Harns 30-11-1813 † dêr 24-12-1855, Wyk G nr 132, 42 jier; by trouwen hûstimmerman te Harns; yn 1839 dêr timmerman; yn 1847 dêr skipstimmerman; yn 1848 dêr skipstimmerfeint oan ’e Soutsloot A 122, by ferstjerren dêr sûnder berop; Feitse docht belidenis te Harns op 7-4-1836, hy wennet dan op ’e Helling en wurdt Swanenburgh neamd; sn fan Jan Thomas Zwanenburg, skipstimmermansbaas te Harns, en Aukje Sjerps de Vries, as widddo ’scheepstimmermansche’ te Harns
Tytsje en Feitse ferkeapje op 30-5-1837 yn ’e mande mei Maaike Simons de Haan en har man Simon Boon te Harns, in hûs c.a. mei skuorren en in feintewente te Harns, wijk I nrs 15 en 16; notaris: Sjoerd Simons Wijma te Harns; Repertoire: 049046
De bern fan Tsead Vellinga en Anna Kliffort binne gjin erfgenamten Donia, wol tagelyk mei har healsusters Afke en Tytsje erven fan Vellinga-Kingma:
3 Jacob Tjeerds Vellinga * Harns 31-1-1820 † dêr 30-4-1870, Wyk F nr 6, 50 jier; by trouwen keapman te Dronryp, dêrnei idem te Harns; yn 1851 dêr makelder, keapman en kargadoar en ‘visiteur der in- en uitgaande rechten en accijnsen’, yn 1841 op de Kleine Breedeplaats;
x Harns 26-5-1842, 22 en 21 jier, Johanna Catharina Tuininga * Harns 6-2-1820 † Alkmaar, wenjend te Harns, 5-4-1891, 70 jier; by trouwen sûnder berop te Harns; docht 15-4-1841 belidenis te Harns; dr fan Ruurd Laurens Tuininga, Mr bakker te Harns, yn 1841 neamd ‘bakker en kleinbakker’ (=wierskynlik banketbakker), en Wemeltje Johannis Feddema (ek: Feddama; tekenet sels yn 1841: Feddema)
-Jabik ferkeapet op 10-4-1861 oan de Firma Teves teves & Cie, Teves Jans Teves, it kofskip De Jonge Jacob; keapsom: f 3.000,00; notaris: Michiel Goslings te Harns; Repertoire: 050045
-Jabik ferkeapet op 27-6-1864 oan Piter Gæles Bouma te Harns, dêr in hûs mei tún; keapsom: f 6.000,00; notaris: Jan Adriaan Zaal Stroband te Harns; Repertoire: 049084
-Jabik keapet op 9-5-1868 fan Johan Reindert Walkenhorst te Grins, in hearehûs te Harns; keapsom: f 4.000,00; selde notaris
4 Klaas Tjeerds Vellinga * Harns 11-4-1828; seeman; yn 1860 te Swolle;
x Harns 9-3-1848, beide 19 jier, Henderika Grevenstuk * Kollum 13-12-1828; by trouwen sûnder berop te Harns; dr fan Gerrijt Jan Barends Grevenstuk, yn 1821 stokersfeint te Ljouwert, yn 1828 kommys fan ’e direkte belestings en yn- en útgeande rjochten en aksynzen te Kollum, yn 1848 rykskommys te Harns, en Janke Hermanus Kamphuis (ek: Camphuis; tekenet sels: Kamphuis), yn 1821 arbeidster te Ljouwert

IV
De fjirde eigners en brûkers fan Donia út dit laach binne soan Sjoerd Meinderts Donia * Seisbierrum, Donia state, 8-8-1798 ~ dêr 2-9-1798 † dêr op Donia, 8-11-1849, hûsnr 108, 51 jier; Sjoerd en Geartsy nimme de pleats fan Meindert Sjoerds oer yn maaie 1837;
x Barradiel 28-6-1823, 24 en 22 jier, Geertje Jans Post * Easterbierrum 24-10-1800 ~ dêr 9-11-1800 † Seisbierrum 14-9-1847, 46 jier.
Nei Sjoerd en Geartsy komme de Nammensma’s yn 1852 op Donia, dy’t dêr fan heit op soan buorkje oant 1973, dan komme Nely Nammensma, troud mei Ane Jelles Jukema (X), op ’e pleats. En sa is dy al sawat 325 jier yn ’e famylje.
Sjoch: Genealogy Jukema – IV.4
Bern:
1 Aafke Sjoerds Donia * Seisbierrum 21-6-1825 † dêr 20-5-1834, Letter S nr 108, 8 jier
2 Meindert Sjoerds Donia * Seisbierrum 8-7-1829 † dêr 17-11-1831, Letter S nr 108, 2 jier
3 Neeltje Sjoerds Donia, folget V

V
De fyfden binne dochter Neeltje Sjoerds Donia * Seisbierrum 8-9-1833 † dêr 28-10-1905, 72 jier; sûnt 1852 mei man en bern eigenerfde op Donia state;
x Barradiel 22-5-1852, 18 en 22 jier, Nammen Nammens Nammensma * Tsjummearum 25-9-1829 † Seisbierrum 5-7-1900, 70 jier;
>De fjirden yn ’e rige is soan Nammen Nammens Nammensma * Seisbierrum 23-4-1855 † dêr op Donia state 4-7-1921, 66 jier.

§ Fergees erfd – Gjin sint, wol de state – Neeltsy Donia mei man en bern op Donia
Neeltsy erft Donia state yn ’e mande mei de twa dochters fan har muoike Tryntsje Meinderts Donia, troud mei Tseard Jabiks Vellinga, sjoch hjirboppe.
De oerlevering wol ha dat dy twa nichten, Afke en Tytsje Vellinga, har erfskip kontant jild op ’e hân sjen woenen, elk in tredde part. Dat Neeltsy moat nei de bank om dy kontanten foar har op te heljen. Se komt mei tassenfol sinten oansetten. De pleats beslacht dan 45 ha. Op basis fan ferpachte wearde fan doe krije de nichten f 5.000,00 de ha. x 45 = f 225.000,00 : 3 = f 75.000,00 de nicht. (De trochsneed priis fan boulân yn Nederlân is yn 2023 om ende bij € 89.000,00 de ha.)
Neeltsy sels krijt de wearde fan ’e pleats en oare fêstichheden – en gjin baar jild. ’Se hat fergees erfd’, sa’t doe sein waard.


Nammen lit in hearlik foarhûs sette en twa nije arbeidershuzen.
Leeuwarder Courant, 1-2-1870.

VI
De sechsden binne broer Jan Nammens Nammensma * Seisbierrum 19-1-1869 † dêr 13-11-1923, 54 jier, [] Seisbierrum; by trouwen en dêrnei bouboer te Seisbierrum;
x Barradiel 26-5-1892, 23 en 21 jier, Geertrui Elisabeth Koudenburg * Seisbierrum 10-8-1870 † dêr 12-10-1960, 90 jier, bouboerinne op Donia state, oant Alde Maaie 1936, dêrnei dêr oant har ferstjerren rintenierske.
VII
De sanden binne soan Gerrit Jans Nammensma * Seisbierrum 20-10-1895 † dêr 2-3-1949, 53 jier; sûnt 19-9-1921 oant 1937 bouboer op Donia state (311), folget syn omke Nammen op; by ferstjerren kommisjonêr te Pitersbierrum;
x Barradiel 29-9-1921, 25 en 24 jier, Sietske Andries Tiemersma * Huzum 6-3-1897
VIII
De achtsten binne de broer fan Gerryt: Jan Jans Nammensma * Seisbierrum 10-7-1909† dêr 14-10-1992, 83 jier, [] Seisbierrum;
x Barradiel 4-6-1936, 26 en 20 jier, Pietertje Johannes Houtsma * Easterbierrum 11-6-1915 † dêr 24-8-1992, 77 jier, [] Seisbierrum
IX

De njoggenden binne sûnt 1973 dochter Nely Nammensma Ane Jelles Jukema
X
De tsienden binne Jelle Anes JukemaRianne Wissmann.

X.2 Jan Nammens Nammensma * Rie 2-7-1843 † Seisbierrum, wenjend te Amsterdam, 4-7-1928, 85 jier, [] Frjentsjer, yn it grêf fan syn frou; by trouwen en dêrnei bouboer op Andla state, syn âlderlike pleats te Rie (29nk); de pleats stiet op 21-12-1868 te keap, mar Jan ferfart pas dêrwei sa’t liket (sjoch de advertisnsje hjirûnder) mei frou en bern op Alde Maaie 1872 nei Skalsum, dêr bouboer (nr 14); yn 1895 keapman te Frjentsjer; yn 1900 dêr sûnder berop; komt op 28-1-1904 út Frjentsjer yn Ljouwert, is dêr ierdappelkeapman, wennet dêr 22-4-1907 as kostgonger, ûnder oaren by R.J. Hofstra, M. Heeringa, Klaaske P. van den Berg; Achter de Hoven V168; m.y.f. 1-4-1904 Landbuurt BB 17; m.y.f. 1-2-1905 Baginestrjitte K 41 boppe; Ruterskertier GB 63 boppe; ferfart dêrwei op 5-6-1909 nei Essen, Dútslân; wennet yn 1919 en by ferstjerren te Amsterdam, by syn fertigen dêr sûnder berop;
x Frjentsjerteradiel 2-12-1870, 27 en 21 jier, Trijntje Pieters Wijngaarden * Slappeterp 10-12-1848 † Frjentsjer 26-10-1919, 70 jier, [] Seisbierrum; NH, dêrnei DG, letter FE; by trouwen sûnder berop te Rie; ferhuzet op har troudei nei Rie; yn 1900 sûnder berop te Frjentsjer; wennet sûnt 5-1-1905 yn by Jan syn beppe Neeltsy Donia († 28-10-1905), bouboerinne op Donia state Seisbierrum nr 278; Tryntsy ferhuzet dêrwei op 4-5-1907 nei Frjentsjer – har oantroude omke Nammen Nammensma (IX.3) is der dan grou twa moanne earder by ynkommen, op 13-2-1907; wennet sûnt 3-5-1917 yn by har suster Tsjitske, widdo fan Willem Lieuwes Wallinga, te Ljouwert (Harnzerstrjitte K 16), fehuzet dêrwei op 19-6-1918 nei Frjentsjer; by ferstjerren dêr húshâldster; dr fan Pieter Joris Wijngaarden en Hinke Tjipkes de Vries, boeren te Slappeterp (hûsnrs 2, 24)
Jan wurdt op 13-3-1863 goedkeurd foar de militêre tsjinst en frijststeld fanwegen bruorretsjinst.
Sinjalemint: 1 el, 700 strepen; Aangezigt: rond; Voorhoofd: hoog; Oogen: blaauw; Neus: ord(inair=gewoan); Mond: id(em); Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id; Merbare teekenen: geene.

Jan en Tryntsy wenje sûnt omstrings 1900 net byinoar, mar har houlik is net ûntbûn.
Bern:
1 Hinke Jans Nammensma
* Rie 28-11-1871 † 17-2-1953, 81 jier, [] Frjentsjer; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer;
x Frjentsjer 4-5-1895, 23 en 31 jier, Jacob Meiles Oosterhagen * Frjentsjer 27-8-1863 † 24-6-1936, 72 jier, [] Frjentsjer; by trouwen en yn 1897, 1901 keapman te Frjentsjer; kommisjonêr, yn 1916 oan ’e Harnzerwei 6; yn 1923 agint fan in skipfeartmaatskippij; sn fan Meile Heins Oosterhagen, keapman te Frjentsjer oant syn ferstjerren yn 1892, en Houkje Jacobs Wiersma, as widdo winkelfrou te Frjentsjer
2 Nammen Jans Nammensma, folget XI.3

Jan Nammens Nammensma.
Fotograaf: J.H. Slaterus,
Weard G 35, Ljouwert
Trijntje Pieters Wijngaarden.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert

Andla state ûnder Rie, de pleats dy’t Jan Nammens en Tryntsje Wyngaarden hiere, stiet yn 1868 te keap; neffens de Boargerlike Stân buorkje se dêr noch fjouwer jier fierder op, oant Alde Maaie 1872

Leeuwarder Courant, 20-11 en 4, 11, en 18-12-1868

X.3 Sytze Jelles Nammensma * Boer 12-1-1849 † dêr 5-2-1927, 78 jier; bouboer op syn âlderspleats te Boer; sûnt 27/29-3-1870 te St.-Jabik; sûnt 20/21-3-1874 te Tsjummearum, dêrnei gernier te Boer (17, 24); yn 1890 wurdt er dêr yn steat fan onfermogen steld, hy is fallyt; yn 1901 stiet er as arbeider te Boer te boek; yn 1913 wurdt er dêr wer bouboer neamd (yn ‘e trou-akte fan soan Durk); oan ’e ein fan syn libben dêr gernier-komelker;
x It Bilt 15-5-1873, 24 en 23 jier, Eeke Sybrens Olivier (ek: Eke; by de berte ynskreaun as: Eeke) * St.-Jabik 18-2-1850 † Boer 30-3-1886; dr fan Sybren Louws Olivier en Lieutske Dirks Terpstra, (ek: Luutske, Luurtske), bouboeren te Marrum, omstrings 1841 te St,-Jabik (nrs 96, 56)
Sjoch: M.J. van Lennep, Olivier, Genealogysk Jierboekje 1967, Fryske Akademy, side 88
Bern:
1 Martentje Sytzes Nammensma
* St.-Jabik 23-2-1874 † Stiens 13-9-1925, 51 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Boer; wurdt dêrwei oerskreaun op 30-9-1897 nei Tsjummearum; sjoch fierder de wenplakken yn har steat fan tsjinst hjirûnder;
x Menameradiel, 15-5-1897, beide 23 jier; Michiel Jans Hoogterp * Slappeterp 30-11-1873 † Harns, wenjend te Tsjummearum, 13-12-1951, 78 jier; NH; arbeider, yn 1893 Slappeterp
sûnt 7/14-6-1893 te Rie; sûnt 2/3-1-1894 te Ingelum (80); sûnt 14/20-12-1895 te Tsjummearum (277a), by trouwen dêr allyksa ynwenjend arbeider; sjoch fierder syn steat fan tsjinst hjirûnder; by ferstjerren sûnder berop; sn fan Jan Jelles Hoogterp, arbeider, û.o. yn 1869 te Slapperterp, yn 1871 te Boer, sûnt Alde Maaie 1873 wer te Slappeterp, sûnt 19-5-1880 te Frjentsjer, dêr arbeider, en keapman oant syn ferstjerren mei 72 jier yn 1912, en Antje Michiels Meijer
2 Sybren Sytzes Nammensma, folget XI.4
3 Jelle Sytzes Nammensma, folget XI.5
4 Luutske Sytzes Nammensma
* Boer 26-10-1877 † Frjentsjer 12-7-1951, 73 jier; by trouwen sûnder berop te Boer;
x Frjentsjerteradiel 29-4-1905 Pieter Sybrens Hempenius * Kleaster Anjum 9-7-1882 † Ljouwert 18-11-1954, 72 jier; arbeider, yn 1910, ’16 te Boer, yn 1919 te Rie; sn fan Sybren Dirks Hempenius, arbeider, yn 1872, ’82, yn 1875 te Arum, by syn ferstjerren yn 1907 te Rie, en Tætske Pieters Bruining
Sjoch: A.L. Hempenius, Hempenius II, Genealogysk Jierboekje 1973, Fryske Akademy, ISBN 90-6171-4494, side 79
5 Louw Sytzes Nammensma * Boer 11-12-1878 † Ljouwert 14-2-1925, 46 jier; arbeider oant syn ferstjerren; Louw wennet sûnt 30-1-1917 yn by syn broer Nammen-en-dy te Ljouwert; ferfart dêrwei nei Frjentsjer
6 Nammen Sytzes Nammensma * Boer 18-3-1880 † dêr 16-9-1882, 2 jier
7 Dirk Sytzes Nammensma * Boer 4-7-1881 † Ljouwert 4-4-1917, 35 jier; NH; by trouwen fabryksarbeider te Frjentsjer;
x Frjentsjer 25-11-1913, beide 32 jier, Jeltje Wytzes Harkema * Mullum 5-2-1881 † Amsterdam 14-9-1952, 71 jier, [] Amsterdam; KG; by har trije houliken sûnder berop te Frjentsjer; wennet yn 1935 sûnder berop te Amsterdam; dr fan Wytze Tækes Harkema, (NH, letter KG), yn 1877 arbeider te Almenum; sûnt 2-11-1877 ovenfeint te Snits (26a); yn 1878, ’81 arbeider te Mullum; sûnt 2-11-1881 idem te Aldebiltsyl; yn 1881 idem te Wynskoat; sûnt 26-1-1884 ovenfeint te Snits; yn 1900 keapman te Frjentsjer; sûnt 27-3-1893 arbeider te Ootmarsum, sûnt 5-6-1894 idem te Snits, sûnt 11-9-1894 idem te Frjentsjer; yn 1913 idem te Ljouwert, en Grietje Jans Bergsma;
Jeltsje x 1 Frjentsjer 3-6-1900, 19 en 21 jier, Tyle Pieters Miedema * Frjentsjer 28-6-1878 † dêr 18-7-1911, 33 jier; by trouwen en ferstjerren arbeider te Frjentsjer; sn fan Pieter Arjens Miedema, fisker te Frjentsjer, en Jetske Tyles IJskamp;
Jeltsje, Tyle en dy syn âlden kinne by trouwen fan Jeltsje en Tyle net skriuwe, Jeltsje by har twadde boask likemin.
Jeltsje x 3 Frjentsjer 28-2-1918, 37 en 48 jier, houlik ûntbûn by fûnis Arrondissemintsrjochtbank te Amsterdam op 22-3-1934, ynskreaun by de Boargerlike Stân te Frjentsjer op 6-6-1935, Sjoerd Sjoerds Koster * Frjentsjer 27-11-1869 † Amsterdam 10-4-1943, 73 jier, [] Amsterdam; arbeider te Frjentsjer, yn 1926, ’35 keapman te Amsterdam; sn fan Sjoerd Lourens Koster, arbeider en nôtdrager te Frjentsjer, en Berber Wytzes Vlietstra, Berber kin net skriuwe;
Sjoerd x 1 Frjentsjer 3-12-1893, 24 en 21 jier, Douwtje Annes van der Vliet * Frjentsjer 16-6-1872 † dêr 1-4-1917, 44 jier; dr fan Douwe Johannes van der Vliet, arbeider te Frjentsjer, en Rinske Tyles IJskamp, (suster fan Jetske, sjoch hjirboppe); Douwe en Rinske kinne net skriuwe
8 Nammen Sytzes Nammensma, folget XI.6
9 Willem Sytzes Nammensma
* Boer 26-1-1885 † dêr 15-10-1906, 21 jier; by ferstjerren sûnder berop te Boer
10 Libbenleas 30-3-1886

Leeuwarder Courant, 5 en 6-4-1886

§ Yn steat fan onfermogen steld Sytze Nammensma fallyt
Op 15-1-1890 hat boedelskieding plak en wurdt Sytze Jelles Nammensma, bouboer te Boer, yn steat fan onfermogen steld.
Sytze is heit en fâd oer Martentje, Sybren, Jelle, Luurdske, Louw, Nammen, Dirk en Willem Sytzes Nammensma; tasjend fâd is omke Dirk Sybrens Olivier, bouboer te St.-Jabik; notaris: Allert Ottema te Ljouwert.

Sawat alle troude bern fan Sytze en Eeke krije in frou of man út arbeidersfermidden yn ’e lange hier. Fan begoedige nei earme stân fan saken sakket de stân fan houlikspartners en dêrmei de sosjale stân.
It út ’e romte tarren wikselet troch de tiden hinne steefêst mei it kommen oan ’e krapperein. In skrale treast foar Sytse-en-Eke-en-dy, se stamme beide út boereskaai fan namme, dat sear en leaze skamte sille deste skrinend wêze.

Leeuwarder Courant, 21-2-1890
Leeuwarder Courant, 25-2-1890
Leeuwarder Courant, 28-2 en 3, 7, 14-3-1890
Leeuwarder Courant, 13-7-1891

Neidat Sytze Jelles Nammensma boer-ôf is, wurdt er arbeider en letter gernier yn itselde plak: Boer. Dat is in prestaasje op himsels: feroaring fan status ûnder eigen folk ûndergean, of meimeitsje.
As er 62 jier is, komt syn gerniersspul dêr op buorden. Oan syn oantroude neef Sybren Sjoerds van der Schaar (XI.2.6) ferhiert er dan lân.

Deze afbeelding heeft een leeg alt-attribuut; de bestandsnaam is NAMMENSMA-ferkeap-gerniershus-Boer-1913.png

Leeuwarder Courant, 31-10 en 14-11-1913

Sytse is oan de ein fan syn libben noch gernier-komelker te Boer. Syn komelkersspul wurdt in grou moanne nei syn ferstjerren feild:

Leeuwarden Courant, 9-3-1927

§ Martentsy Nammensma en Migyl Hoogterp har steat fan tsjinst – 20 steeën yn 28 jier arbeidersbestean
Martentsy moat as boeredochter omstean leare. Hienen se honkfêst op ’e pleats sels de leie yn ’e han, heit wurdt at se santjin is, fallyt ferklearre. Tenei is it foarlân tsjinje by de boer, yn har bedijen.
Sy en Migyl sille har net settelje, mar arbeidzje foar in oar op krapoan tweintich ferskillende adressen, yn ’e 28 jier tusken har trouwen – yn 1897 – en Martentsy har fertigen – yn 1925. Foar syn boask hat Migyl sa’n fiif boeren hân, dêr’t er as ynwenjend lytsfeint en grutfeint foar kost en ynwenning oanslach krijt en as arbeider syn brea fertsjinnet.
Nei Martentsy har ferstjerren wennet er sa no en dan wer by syn patroanen yn, Migyl hat nammentlik gjin bern dy’t de ‘man alleen’ opnimme kinne.
Sa is er in jier op ’e pleats yn by Jehannes Tabes Zijlstra en Sybrigje Arjens Hofstra, greidboeren te Hitsum; en dêrnei wurdt er yn ’e achterein opnommen by Sybrigje har broer Gerke Arjens Hofstra en Trijntje Sybes van der Schaar, bouboeren te Seisbierrum.
Migyl wennet yn syn 26-jierrige widnerssteat oant syn dea yn 1951 op syn minst noch op fjouwer ûnderskate plakken.
De oanienskeakeling fan it pear har arbeiderssteeën is as folget – Martentsy en Migyl húshâlde, safier as nei te gean:
sûnt 1-10-1897 te Tsjummearum (op nr 277a) en op 1-11-1900 dêr op ’e nij ynskreaun
yn 1900 te Furdgum
sûnt 22-5-1900 te Boer (nr 17a)
sûnt Alde Maaie 1901 te Minnertsgea (nrs 264, 265)
sûnt Alde Maaie 1903 te Furdgum (nr 10C)
sûnt 22-5-1905 te Boer (26)
sûnt 26-5-1906 te Achlum (89, 183)
sûnt Alde Maaie 1909 en Alde Maaie 1910 te Hitsum (86);
yn1910 te Tsjummearum
sûnt Alde Maaie 1910 te Minnertsgea
yn 1910 te Furdgum
yn 1915 te Hitsum
sûnt 11/15-9-1915 te Wytmarsum (4)
sûnt 15-6-1916 te Tsjom (it sil hjir wol om in fersin gean, bedoeld sil wêze Tsjummearum, want:
sûnt 22-6-1916 te Tsjummearum (280)
yn 1925 te Hitsum (1)
sûnt 28-5-1925 te Stiens (527) – dêr’t Martentsy ferstjert –
Migyl bifakkeart
sûnt Alde Maaie 1931 te Seisbierrum
sûnt 15-5-1934 te Hitsum (4), dêr ynwenjend by Johannes Tabes Zijlstra en Sybrigje Arjens Hofstra, greiboeren te Hitzum, Jehannes en Sybrigje ferfarre op 6-5-1936 nei Ferwert
sûnt Alde Maaie 1935 wennet Migyl op ’e pleats by Gerke Arjens Hofstra en Trijntje Sybes van der Schaar, bouboeren te Seisbierrum (444)

– by syn ferstjerren wennet Migyl sûnder berop te Tsjummearum.

Durk Nammensma moat mar net nei Amearika

Leeuwarder Courant, 7-4-1911
– Rechtzaken Rechtbank Leeuwarden

X.4 Isaäk Jelles Nammensma (ok: Isaak, Izaak Izak; by de geboorte inskreven as: Isaäk), * Boer 8-4-1869 St.-Jabik 15-1-1952, 82 jaar; NH, later GT; ferhúst fan syn oudersplaats te Boer op 29-3-1870 na Tsjummarum; ferhúst dêrweg op Ouwe Maai 1872 met syn mim-en-dy na St.-Jabik; ferhúst dêrweg op 9-6-1873 met syn mim na Herbajum; bij trouwen koopman te St.-Jabik; weunt sont omstreeks 1900 met de húshouwing in bij syn skoanhait-weedner, Isaak is dêr peerdekoopman (132); na syn skaonhait syn fersterven op 11-11-1908 blive se in ’t selde huus (132); in 1930 dêr feekoopman; taksateur fan onroerend goed
x ’t Bildt 20-5-1897, 28 en 24 jaar, Meiltje Johannes Veeman * St.-Jabik 8-7-1872 dêr 9-8-1950, 78 jaar; NH, later GT; bij trouwen sonder beroep te St.-Jabik; dr fan Johannes Jetzes Veeman, koopman te St.-Jabik (100, 466,187, 132), en Foekje Pieters Boersma
Bern:
1 Foekje Isaaks Nammensma
* St.-Jabik 2-11-1898 dêr 26-11-1898, 3 weken
2 Foekje Isaaks Nammensma * St.-Jabik 22-10-1901; GT; bij trouwen sonder beroep te St.-Jabik;
x t Bildt 6-5-1926, 24 en 26 jaar, Doekle Jetzes Steensma * Ingelum 28-3-1900; NH, later GT; bij trouwen bouboer te St.-Jabik; sont 1926 idem te Holwert (517), sont 21-8-1931 idem te St.-Jabik; sn fan Jetze Sikke Doekles Steensma (GT) en Trijntje Oebeles Hoekstra (GT), bakkers te Reduzum, sont 2-12-1897 (nr 20, 18), sont Ouwe Maai 1918 kastlains te St.-Jabik
3 Trijntje Isaaks Nammensma * St.-Jabik 3-4-1904 dêr 14-4-1905, 12 moanne; GT
4 Trijntje Isaaks Nammensma (Trijn) * St.-Jabik 24-1-1910; GT; weunt in 1929 op ’e Bergumerhaide
x ’t Bildt 1-6-1933, 23 en 22 jaar, Jarig Klazes Kramer * St.-Jabik 3-6-1910; sn fan Klaas Jarigs Kramer en Rinske Jans Hoogland, bouboeren te St.-Jabik
Sien: J.IJ. Feenstra, Het geslacht Hoogland  – Genealogysk Jierboekje 1962, Fryske Akademy, Ljouwert, 1962; – VIII t.6

§ n Hannelsman in goeie doen
– Peerdekoopman Isaäk Nammensma doet ok in lând en húzzen
Isaäk Jelles Nammensma doet ok in onroerend goed, hieronder ’n klaine greep út syn drokke hannel:
hij koopt:
-13-5-1903 fan ’e erven fan Ulbe Andries Noordenbos te Baard boulând te St.-Anne; koopsom: f 2.881,00; netaris: Johannes Scrinerius Potter van Loon te Dronryp; Repertoire: 037098
-8-12-1906 fan Reinder Wassenaar te Wier ’n perseel lând te St.-Jabik; koopsom: f 632,00
fan deselde op 8-12-1906 ’n perseellând te St.-Jabik: koopsom: f 447,00; netaris Anne Tadema te St.-Jabik; Repertoire: 066052
-18-4-1908 fan Willem Tymens Kuiken te St.-Jabik ’n huus te St.-Jabik; koopsom: f 906,00; netaris Tadema
-3-6-1909 fan Pieter Harmens de Vries te St.-Jabik ’n perseel boulând te St.-Jabik; koopsom: f 3.083,00; netaris Tadema
-29-12-1911 fan Reinder Wassenaar te Wier ’n huus met skuur en hiem te St.-Anne; koopsom: j 2.058,00; netaris Tadema
-1-10-1912 fan Adriaantje Schuiling te St.-Anne ’n perseel lând te St.-Anne; koopsom: f 3.469,00; netaris: Hylke de Koe te Seksbierum (Isaak sou dan folgens ’t Notarieel Argyf in De Pain, Smallingerland, weune)
-27-3-1913 fan Eeltje Sikkes Lautenbach te St.-Anne ’n perseel graide te St.-Jabik; koopsom: f 3.302,00; netaris Tadema
-27-3-1913 fan Ouwe Willems Koning te St.-Anne ’n perseelboulând te St.-Jabik; koopsom: 3.340,00; netaris Tadema
-2-9-1916 fan Wybe Goodijk te Seksbierum twee perselen lând; koopsommen: f 5.722,00 en f 3.582,00; netaris Tadema
-22-1-1919 fan Jan Douwes Bierma te St.-Jabik ’n boerehuzing te St.-Anne; netaris: Lambertus Klaas van Giffen te St.-Anne; Repertoire: 005077
Isaäk ferkoopt:
-27-10-1911 an Job Alberts Wassenaar te St.-Jabik ’n huus met hiem te St.-Jabik; koopsom: f 700,00; netaris Tadema
-31-1-1912 an Jan Jans Beimers te St.-Anne ’n huus, skuur, reed en hiem te St.-Anne; koopsom: f 2.058,00; netaris Tadema
-8-3-1915 an Stindert Harrents Kuiken te St.-Jabik ’n huus met recht fan opstal te St.-Jabik; koopsom: f 1.045,00; netaris Tadema
-21-9-1916 an Pieter Piers Hoogland te St.-Jabik twee perselen boulând te St.-Jabik; koopsom: f 9.304,00; netaris Tadema
-5-5-1917 an Evert Cornelis Slim te St.-Jabik onroerend goed te St.-Jabik; opbringst: f 3.890,00; netaris: George Lammeree te St.-Jabik; Repertoire: 066073
-30-6-1917 an Hendrik Beerts Kuiken te St.-Jabik onroerend goed; opbringst: f 4.375,00; netaris Lammeree
-26-10-1917 an Jan Klazes aartsma te St.-Jabik onroeren goed te St.-Jabik; koopsom: f 4.600,00; netaris Lammeree
-Isaak het op 22-7-1924 ’n hypoteek bij Grietje Smit, wede fan Andries Willems Smit, te Lies op Terskelling; kapitaal: f 3.500,00; netaris: Karel van Terwisga, Terskelling; Repertoire: 130114.

Ok an sakendoen kinne delikate kanten sitte. Isaak mot foorkomme fanwegen beskuldiging fan maineed. Mar hij wort op 3-12-1930 frijsproken (Arrondissemintsrechtbank Luwt).

Isaak en Mailtsy binne goenent fan ’e eersten met ’n tillefoan in St.-Jabik: nummer 16:

Leeuwarder Courant,
11-6-1919

Leeuwarder Courant, Ouwe Maai 1897
Leeuwarder Courant, 26-5-1897
Leeuwarder Courant, 8 en 9-11-1898
Leeuwarder Courant, 30-11-1898

X.5 Marten Gerrits Nammensma * Bitgum 20-2-1855 † Grins, Akademys Sikehûs, wenjend te Mitselwier, 28-2-1910, 55 jier; by trouwen en dêrnei bouboer, stamboekfee- en hynstefokker op Reidswâl te Mitselwier, oant maaie 1887; dêrnei dêr sûnder berop; bestjoerslid Het Friesch Paarden-Stamboek; sekretaris ‘Vereening tot verbetering van ’t Paardenras
x Eastdongeradiel 3-6-1881, 26 en 34 jier, op houlikse betingsten, Romkje Dirks Reiding * Moarre 6-1-1847 † Mitselwier 12-8-1909, 62 jier; by earste en twadde houlik boekstaafd as sûnder berop te Mitselwier, yn ’e libbene praktyk dêr greidboerinne en feefokkerske; dr fan Dirk Jans Reiding en Neeltje Klazes Dijkstra, yn 1847 boeren te Moarre, yn 1866 is Neeltsje lâneigneres te Mitselwier
Yn plak fan Marten giet Gerrit van der Veen te Kollum op 23-4-1875 foar him as nûmerferwikselder de militêre tsjinst yn
Romkje x 1 Eastdongeradiel 12-7-1866, 19 en 25 jier, Arjen Eelzes Kingma * Mitselwier 7-4-1841 † dêr 13-3-1879, nr 8, 37 jier; by trouwen en dêrnei boer te Mitselwier; sn fan Eelze Arjens Kingma en Aaltje Johannes Wybenga, boeren te Mitselwier, yn 1866 is Aaltsy dêr lâneigneres
Sjoch: Afstammingsreeks Kingma (angelfire.com)
Bern:
1
Tjipkje Martens Nammensma * Mitselwier 15-4-1882; by trouwen sûnder berop te Mitselwier;
x Eastdongeradiel 7-5-1919, 27 en 24 jier, Pieter Thomas de Jong * Driezum 17-3-1885; by trouwen boer te Driezum; sn fan Thomas Pieters de Jong en Pietje Ruurds Bontekoe, boeren te Driezum

Leeuwarder Courant, 25-5-1896
Leeuwarder Courant, 14-8-1909
Leeuwarder Courant, 3 en 4-3-1910

§ In echte greidboerspleats – In tredde part boulân
Marten en Romkje har greidboerspleats anneks arbeidershuzen wurde ferhierd en reau en beslach ferboelguodde. It húsrie net.
It giet hjir om in echte greidbuorkerij, in tredde part is boulân en it bistebeslach omfiemet in tritichtal hoarnfee.

Leeuwarder Courant, 1, 5 en 8-10-1886
Leeuwarder Courant, 29-4 en 2-5-1887

X.6 Jan Gerrits Nammensma * Bitgum, Buma state, Dyksterhuzen, 24-12-1856 † Ie 24-8-1931, 74 jier, [] Mitselwier; ferfart mei syn âlden op 10-4-1877 út Minnertsgea nei Mitselwier; yn 1884 bouboer op Fjildbuorren te Brantgum, yn 1922 idem te Ie, oant syn ferstjerren mei 74 jier; lid Commissie tot weering van schoolverzuim (earfol ûntslach 1911) te Brantgum;
x Eastdongeradiel 11-5-1882, beide 25 jier, op houlikse betingsten, Trijntje Kornelis Jansma * Pæzens 31-1-1857 † Feanwâlden 19-11-1944, 87 jier, [] Mitselwier; by trouwen sûnder berop te Mitselwier; bouboerinne te Brantgum en Ie, dêr as widdo sûnder berop; dr fan Kornelis Tækes Jansma, ûndermaster te Lippenhuzen en Twizelerheide, ûnderwizer te Pæzens, yn 1882 gemeenteûntfanger te Mitselwier, en Sytske Sjoerds Boersma
Bern:
1 Libbenleas jonkje *-† Brantgum 26-3-1883
2 Sytske Jans Nammensma * Brantgum 16-4-1884 † Ternaard, wenjend te Brantgum, 19-6-1890, 6 jier
3 Tjibkje Jans Nammensma * Brantgum 2-10-1885 † dêr 17-2-1886, 5 moanne
4 Tjibkje Jans Nammensma * Brantgum 1-10-1887 † 21-10-1975, 88 jier, [jiske] Burgum; by trouwen sûnder berop te Brantgum; greidboerinne te Rinsumageasten en Burgum;
x Westdongeradiel 26-5-1910, 22 en 27 jier, Pier Fokkes Kramer * Readtsjerk 30-1-1883 † 8-12-1957, 74 jier, [jiske] Burgum; by trouwen boer te Jislum, yn 1911 geridboer te Rinsumageast, sûnt 2-5-1912 idem te Burgum (nrs 724, W 678, 728, Noardburgum 30); sn fan Fokke Piers Kramer en Dieuwke Piebes Straatsma, yn 1883 boeren te Readtsjerk, yn 1910 idem te Jislum
5 Gerrit Jans Nammensma * Brantgum 22-3-1892 † Dokkum 26-8-1966, 74 jier; by trouwen bouboer te Ie;
x Tytsjerksteradiel 16-5-1935, 43 en 45 jier, Aafke Klazes Keizer * Earnewâld 25-12-1889 † Burgum, Hillema state 28-8-1968, 78 jier, [] kremeard Goutum; by trouwen sûnder berop te Earnewâld; dr fan Klaas Sytzes Keizer en Jantje Aukes de Boer, greidboeren te Earnewâld en Goutum
Yn plak fan Jan giet Douwe Statema te Æum op 23-4-1887 foar him as nûmerferwikselder yn militêre tsjinst

Leeuwarder Courant, 23-2-1886
Leeuwarder Courant, 18-8 en 8 en 22-9-1911

X.7 Jan Nammens Nammensma * Pitersbierrum 20-6-1865; by trouwen brigadier by de maresjausee te Drachten, earder te Wynskoat;
x Barradiel 13-8-1898, 33 en 30 jier, Joukje Jacobs Broersma * Seisbierrum 13-1-1868; KG; by trouwen naaister te Seisbierrum, binnen de lêste seis wiken te Baarn; dr fan Jacob Alberts Broersma en Geiske Johannes de Vries, arbeiders te Seisbierum (11b, 205, 223; KG)

X.8 Dirk Nammens Nammensma * Easterbierrum 5-4-1872; by trouwen brigadier by de maresjausee te IJzendijke, earder te Koewacht;
x Weststellingwerf 6-8-1903, 31 en 29 jier, Reintje Siegers Visser * Wolvegea 9-10-1873; by trouwen naaister te Wolvegea; dr fan Sieger Reitzes Visser, slachter te Wolvegea, en Grietje Fokkes Oppersma

X.9 Hyltje Pieters Nammensma * Tsjummearum 29-12-1844 † Easterbierrum 21-3-1915, 70 jier; arbeider, sjoch de wenplakken hjirûnder;
x Barradiel 13-5-1876, 31 en 23 jier, Martentje Rintjes Schepels * Easterbierrum 27-9-1852 † Achlum 27-5-1906, 53 jier; sûnt 7-9-1871 ynwenjend faam te Tsjummearum (nr 137); by trouwen faam op Kleaster Lidlum; by ferstjerren sûnder berop te Achlum; dr fan Rintje Martens Schepels en Tietje Simons Terpstra, arbeiders te Easterbierrum; Rintsje Martens en Tytsje Symens kinne net skriuwe
Hyltsje wurdt op 11-4-1864 goedkeurd foar de militêre tsjinst.
Sinjalemint: 1 el, 524 strepen; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: breed; Oogen: blaauw; Neus: klein; Mond: id(em); Kin: spits; Haar: blond; Wenkbraauwen: id; Merbare teekenen: geene.
Gebrek aan lengte.
Bern:
1 Pieter Hyltjes Nammensma, folget XI

2 Rintje Hyltjes Nammensma, folget XI
3 Ale Hyltjes Nammensma * Tsjummearum 23-6-1880 † Frjentsjer 15-3-1950, 69 jier, [] Tsjummearum; arbeider, by trouwen te Minnertsgea; wurdt op 6-6-1904 by syn âldelju wei út Minnertsgea wei oerskreaun nei Wier; sûnt 31-5-1906 te Minnertsgea (139, 158, 52, 373); sûnt 21-7-1919 te Frjentsjer, Jeltsje wurdt dan húshâldster te St.-Jabik; by ferstjerren sûnder berop te Minnertsgea;
x Barradiel 7-5-1904, 23 en 24 jier, Jeltje Jacobs Stapert * Tsjummearum 10-1-1880, † (opjefte fan 1919 by Graftombe Minnertsga is net korrekt) [] Tsjummearum; yn 1892 faam te Furdgum (nr 208); ferhuzet by har âlden te Furdgum wei op 20-2-1892 nei St.-Jabik; sûnt 1-11-1900 faam te Minnertsgea (357), by trouwen dêr faam; wurdt op 6-6-1904 dêrwei oerskreaun nei Wier; sûnt 31-5-1906 te Minnertsgea; wurdt dêrwei op 20-11-1920 oerskreaun nei St.-Jabik (A 408), Jeltsje is dêr húshâldster Tjepke Johannes Tjepkema – Ale, har man, wurdt trije moanne earder oerskreaun nei Frjentsjer; Jeltsje wennet 8-6-1940 te Stiens (nr 69), te Seisbierrum (nr 352), yn 1950 te Furdgum; dr fan Jacob Jelmers Stapert, by syn trouwen yn 1873 bouboer te Minnertsgea, sûnt 6-8-1873 koaltsjer te Tsjummearum (12, 376); sûnt 1880 dêr winkelman (363, 354), sûnt Alde Maaie 1885 winkelman te Furdgum (40, 36), sûnt omstrings 1891 arbeider te Minnertsgea (nrs 354, 372, 98, 110), yn 1894 te Tsjummearum, yn 1895 oant syn ferstjerren yn 1902 arbeider te Minnertsgea, en Tettje Jans Tuinhof, as widdo sûnder berop te Minnertsgea, ‘rentetrekker’, wennet sûnt -5-1933 yn by har dochter Rinske en har man Jacob Sikkes Groeneveld, gerniers te Minnertsgea (187, 189)
Ale wurdt op 16-12-1899 goedkeurd foar de militêre tsjinst en ta de tsjinst oanwiisd.
Sinjalemint: 1 meter, 770 mm; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: ord(inair=gewoan); Oogen: blaauw; Neus: breed; Mond: ord.; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id(em); Merbare teekenen: geene.
Sjoch: J. Visser, Familia Stapertica Perantiqua, Stapert A – Wommels, Genealogysk Jierboekje 1955, Fryske Akademy, Ljouwert 1955 – XI

Leeuwarder Courant, 17-3-1950

4 Tietje Hyltjes Nammensma * Tsjummearum 24-8-1882 † dêr 11-8-1887, 4 jier
5 Gerrit Hyltjes Nammensma, folget XI
6 Tietje Hyltjes Nammensma * Tsjummearum 28-11-1888 † Tsjom 17-12-1945, 57 jier; ferfart op 18-3-1916 út har âlderlik arbeidershûs te Easterbierrum nei Ljouwert; yn 1919 te Jelsum; komt op 14-4-1919 yn te wenjen by har broer Rintsje-en-dy te Minnertsgea, ferhuzet dêrwei nei Tsjummearum; komt -1-1926 op ’e nij yn by Rintsje en frou, ferfart dêrwei 22-5-1927 nei Hitsum; komt op 1-9-1928 út Frjentsjer wei yn te wenjen by har broer Gerryt – in dei foar it ferstjerren fan skoansuster Janna; wennet dêr oant 11-7-1939; by ferstjerren sûnder berop te Tsjom
8 Aafke Hyltjes Nammensma * Furdgum 19-9-1891 † Minnertsgea 8-3-1893, 18 moanne
9 Simon Hyltjes Nammensma * Tsjummearum 11-3-1895 † Seisbierrum 31-3-1911, 16 jier; by ferstjerren arbeider te Seisbierrum

§ Hyltsje-en-dy fan ferhúzjen net frjemd
Foar Hyltsje syn trouwen is er op ûnderskate plakken ynwenjend lytsfeint en grutfeint te Tsjummearum, en
-sûnt Alde Maaie 1868 by Lieuwe Klazes Wallinga en Aafke Willems Hilarides te Skalsum (nr 6k)
-sûnt 18-8-1868/14-9-1868 op Kleaster Lidlum oant syn trouwen.
Hyltsje en Martensje boaskje ien dei nei Alde Maaie: 13-5-1876; de húshâlding is dêrnei op ’e folgjende plakken ûnderdak:
-sûnt Alde Maaie 1876 te Tsjummearum op (nrs 156,159, 351)
-sûnt Alde Maaie 1891 te Furdgum (nr 27)

-1893, ’99 te Minnertsgea
-sûnt Alde Maaie 1899 te Wier
-sûnt Alde Maaie 1900 te Tsjummearum
(329)
-sûnt Alde Maaie 1901 te Minnertsgea (359, 372)
-sûnt 7-7-1904 te Achlum (nr 134) – dêr fertiget Martentsje yn 1906
-sûnt 30-5-1910 te Seisbierrum (nr 377)
-sûnt Alde Maaie 1911 te Easterbierrum (117, 153) – oant Hyltsje syn ferstjerren yn 1915 mei 70 jier.

GENERAASJE XI
XI.1 Sjoerd Nammens Nammensma * Seisbierrum 17-1-1858 † Frjentsjer 6-4-1901, hûsnr 149, 43 jier; Sjoerd ferfart Alde Maaie1879 fan Donia state nei ’t War ûnder Frjentsjer; by trouwen en dêrnei oant syn ferstjerren dêr bouboer (nr 149); 14-5-1888 mei-oprjochter fan ’e Coöp. Zuivelfabrief Sexbierum;
Sjoerd wurdt op 19-3-1878 goedkeurd foar de militêre tsjinst en frijststeld fanwegen bruorretsjinst.
Sinjalemint: 1 meter, 792 mm; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: hoog; Oogen: blaauw; Neus: ord(inair=gewoan); Mond: id(em); Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id; Merbare teekenen: geene.

x Frjentsjer 5-5-1887, 29 en 23 jier, op houlikse betingsten, Eelkje Jacobs Viersen * Frjentsjer 19-8-1863 † dêr 20-5-1918, 54 jier; by earste en twadde boask sûnder berop te Frjentsjer, dêrnei dêr bouboerinne op ’t War; sûnt it ferstjerren fan har earste man sûnder berop te Frjentsjer; dr fan Jacob Eelkes Viersen en Grietje Jouws Fokkema, bouboeren te Frjentsjer;
Eelkje x 2 Frjentsjer 19-11-1903, 40 en 26 jier, Tjeerd Jans Bakker * Penjum 22-4-1877 † Ljouwert, wenjend te Frjentsjer, 17-10-1950, 73 jier; by earste en twadde boask bouboer op ’t War ûnder Frjentsjer; by ferstjerren dêr taksateur; sn fan Jan Symons Bakker, yn 1865, ’77 arbeider te Penjum, yn 1892, 1903 dêr gernier, en Antje Tjeerds Bouma
Tseard x 2 Frjentsjer 29-10-1919, 42 en 47 jier, Jantje Klazes Dijkstra * Broek 8-3-1872 † Frjentsjer 19-1-1953, 80 jier; by earste boask sûnder berop te Jirnsum, by twadde houlik kastleinske te Frjentsjer; dr fan Klaas Fokkes Dijkstra en Foekje Harmens Huistra, yn 1872 greidboeren te Broek, Foekje wennet yn 1896, 1919 sûnder berop te Jirnsum
Jantsje x 1 Raarderhim 22-4-1896, 24 en 32 jier, Bauke Poppes * Wikel 16-11-1863 † Frjentsjer 23-3-1913, 49 jier; by trouwen greidboer te Jirnsum; by ferstjerren kastlein te Frjentsjer; sn fan Jacob Harmens Poppes en Catharina Baukes van der Goot, boeren te Wikel en Jirnsum
Bern:
1 Nammen Sjoerds Nammensma, folget XII.1

2 Jacob Sjoerds Nammensma * Frjentsjer 6-4-1889, 5 oere, twilling mei Meindert, † dêr 21-5-1889, Wyk UB 149, 1 moanne
3 Meindert Sjoerds Nammensma 6-4-1889, 5 oere, twilling mei Jabik, † dêr 9-4-1889, Wyk UB 149, 3 dagen
4 Grietje Sjoerds Nammensma * Frjentsjer 9-7-1890 † dêr 13-7-1890, Wyk UB Nr 150, 4 dagen;
5 Geertje Sjoerds Nammensma * Frjentsjer 16-4-1892; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; wurdt op 16-11-1914 fan Frjentsjer oerskreaun nei Ljouwert (Vredeman de Vriesstrjitte M59-65);
x Frjentsjer 7-10-1914, 22 en 21 jier, Beert Andries Tiemersma * Huzum 26-10-1892; ferfart op 2-9-1912 nei Transvaal, Súd-Afrika; sûnt 1-12-1912 te Ljouwert (Vredeman de Vriesstrjitte M59-65); by trouwen dêr tsiishanneler, wennet yn 1920 noch; yn 1921 te Heemstede; sûnt 22-5-1922 wer te Ljouwert (Stasjonswei W.8-boppe); letter te Alkmaar; broer fan Sietske (XI.2.2) en sn fan Andries Johannes Tiemersma, tsiiskeapman te Deinum, sûnt Alde Maaie 1890 te Huzum, sûnt 26-7-1904 te Ljouwert, en Antje Beerts Lont, yn 1912 rinteniers te Den Haach, yn 1921 beide sûnder berop te Heemstede
Sjoch: Derk Jordaan, Van Timersma tot Tiemersma IX-A
6 Meindert Sjoerds Nammensma, folget XII.2
7 Grietje Cornelia Nammensma * Frjentsjer 28-5-1894 † Schylge 22-7-1964, 70 jier; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; hellet yn 1909 diploma Fakskoalle Kleanknippen Ida Wilhelmina Weiskotten te Ljouwert
x Frjentsjer 19-10-1915, 21 en 22 jier, Atte Meinderts Hibma * Frjentsjer 11-9-1893 † Ljouwert 1-9-1973, 79 jier; by trouwen en yn 1916 sûnder berop te Frjentsjer; dêrnei feedokter, yn 1918 te Amersfoart, yn 1921 te Utrecht, yn 1928 te Hoarn, Schylge, yn 1942 dêr te Lies; sn fan Meindert Attes Hibma, yn 1889 feedokter te Seisbierrum, letter ryksfeearts te Frjentsjer oant syn ferstjerren yn 1919, en Hitje Klazes Okkinga
8 Jacob Sjoerds Nammensma, folget XII.3
Bern fan Eelkje en Tseard:
1 Antje Tjeerds Bakker (Anne) * Frjentsjer 24-6-1904; wennet yn 1918 op ’e pleats op ’t War

§ Portrettegalerij I – Staach Sjoerd Meinderts Nammensma en Eelkje Jacobs Viersen
Fan ’e ûnderskate stagen Nammensma wurde hjirre portrettegalerijkes sjen litten, in kar út de fotoalbums.
Dat wy witte wa’t wa is, ha wy te tankjen oan Sara Regina Nammensma (XI.2.14), dy’t aldergeloks de nammen der byset hat.
De albums sels wurde kompleet digitaliseard en op ’e webside fan Erfgoed Fundaasje pleatst. De orizjinelen kinne fierders foar de takomst feilich steld wurde fia de Stichting Erfgoed Fundaasje yn klimaat-behearske kluzen.

Sjoerd Nammens Nammensma.
Fotograaf: Hofphotograaf van Z.M. den Koning der Nederlanden – Th. M. Staas – Firma E. Fuchs, Willemskade Zuidzijde Let W 1 over de Beurs
Eelkje Jacobs Viersen.
Fotograaf: Th. M. Staas
Sjoerd Nammens Nammensma, omstrings 1900.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W 14, Ljouwert
Leeuwarder Courant, 10 en 12-4-1901
Eelkje Jacobs Viersen, omstrings 1900.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Lange Merkstrjitte W 14, Ljouwert
Eelkje Jacobs Viersen mei har bern Antje Tjeerds Bakker en Meindert Jans Nammensma.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits

Eelkje Jacobs Viersen.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert
Tjeerd Jans Bakker.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert

Leeuwarder Courant, 23-5-1918

Grietje Cornelia en Geertje Sjoerds Nammensma.
Fotograaf: A Warburg, Frjentsjer

Geertje en Grietje Cornelia Sjoerds Nammensma.
Fotograaf: J.H. Slaterus,
Lange Markstraat tegenover het Station bij de nieuwe Veemarkt Let. W No. 14, Ljouwert

Grietje Cornelia Sjoerds Nammensma.
Fotograaf: C.J.L. Vermeulen – Atelier voor moderne fotografie – Den Haag, Toussaintstraat 11, Utrecht Nieuwegracht 50

XI.2 Jan Nammens Nammensma * Seisbierrum 19-1-1869 † dêr 13-11-1923, 54 jier, [] Seisbierrum; by trouwen en dêrnei bouboer te Seisbierrum oan ’e Jan Gerritsleane (308, 357, 351), letter Ottemaleane; bestjoerslid en folmacht fan ’e wetterskipppen Der Vijf Deelen Zeedijken Binnen- en Buitendijks; lid fan it Friesch Genootschap;
x Barradiel 26-5-1892, 23 en 21 jier, op houlikse betingsten, Geertrui Elisabeth Koudenburg (neamd nei har heit syn earste frou Geertrui Elisabeth Joha) * Seisbierrum 10-8-1870 † dêr 12-10-1960, 90 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, dêrnei dêr bouboerinne, oant Alde Maaie 1936, dêrnei dêr oant har ferstjerren rintenierske (hûsnr 351); dr fan Gerrit Jans Koudenburg en Hiltje Haantjes Goodijk (ek: Hantjes), bouboeren te Seisbierrum (262, 161, 177).
Har omkesizzer Pieter Antonie Koudenburg (* Erichem 15-1-1880 † Kolham, Grinslân, 25 jier) komt op 9-7-1895 út Appingedam by har yn te wenjen en ferhuzet dêrwei op 16-10-1895 nei Wijhe; sn fan Hermanus Gerrits Koudenburg, N.H. dûmeny, en Maria Elisabeth Roeper Bosch.
Geartrui lit trije pleatsen nei: Donia state, (Jan Nammens erft dy pleats en dy keapet syn ongetroude susters út, dy wolle kontanten sjen, dat it jild wurdt op ’e hân fan ’e bank helle); de twadde pleats oan ’e Ottemaleane wurdt erfd troch Flippus, Ahe en Hiltsy (doe Jan Gerritsleane, neamd nei Jan Gerrits Koudenburg, de heit fan Geartrui; Gerryt wie saakkundige op it mêd wetterbehear), de tredde pleats oan ’e Hearewei 7 (troch Jan Nammens kocht yn 1923, troch de famylje neamd: de pleats op it Waslicht) by de mole (dêr wennet Nammen op, dy erft dy pleats mei syn suster Geartsje); oan ’e oastkant fan ’e Slachte (dêr’t letter it wynmolepark is) – yn ’e Easterbierrumer Mieden – is noch 15 ha. greide, dat wurdt Sjoerd tabedeeld;, en âld guod en jild.
Alles mei-oar omfiemet it erfskip sa’n 149 ha yn trije pleatsen en dêr sit gjin skuld op.

De ongetrouden Flippus, Neeltsy en Regine erve it boargerhûs te Seisbierrum, Hearewei 1, dêr’t se mei har trijen yn wenje. Dat hûs is yn 1935 sette litten troch Geartrui en is om har fjouwer ongetroude bern – Age is dan ek noch yn ’e hûs – hinneboud: allegearre in eigen sliepkeamer.
Der is gâns guod – húsrie, klean, bêdeguod en sa – fan Donia state, beskreaun yn Ynventaris des boedels fan Neeltsy op 30 jannewaris 1906.
Bern:
1 Nammen Jans Nammensma * Seisbierrum 23-5-1893 † dêr 3-2-1894, 8 moanne
2 Nammen Jans Nammensma, folget XII.4
3 Gerrit Jans Nammensma, folget XII.5  
4 Sjoerd Jans Nammensma, folget XII.6
5 Philippus Jans Nammensma (Flippus) * Seisbierrum 3-8-1898 † 4-4-1971, 72 jier, [] Seisbierrum, yn it grêf fan syn suster Neeltsy; bouboer mei syn Age oan ’e Ottemaleane oant it ferstjerren fan har mem; nôtkeapman te Seisbierrum op nr 358; karmaster K.I.Z. (Keurings Instituut voor Zaaizaden en Pootaardappelen); ferhuzet yn oktober1936 nei nr 351A; by de Keamer fan Keaphannel te Ljouwert ynskreaun op 10-12-1924, opheft op 30-11-1956
6 Hiltje Jans Nammensma * Seisbierrum 3-1-1900 † Harns 4-12-1955 [] Mullum; ferhuzet 27-5-1930 nei Sybren van der Schaar; wennet as widdo oan ’e Mullumerleane 58 te Harns;
x Barradiel 27-5-1930, 30 en 33 jier, Sybren Sjoerds van der Schaar * Stiens 14-5-1897 † 4-12-1955 [] Mullum; bouboer te Easterbierrum (nrs 145a, 148), sûnt 6-2-1931 te Mullum (nr 16); sn fan Sjoerd Sybrens van der Schaar en Froukje Klazes Wassenaar, bouboeren sûnt 21-5-1896 te Stiens, dêrnei idem te Mullum (nr 14), sûnt 19-5-1921 te Oranjewâld, dêrnei te Mullum en sûnt 4-4-1923 te Oranjewâld
7 Neeltje Jans Nammensma * Seisbierrum 12-8-1901 † 24-10-1974, 73 jier, [] Seisbierrum; soarget der net tsjinsteande har eigen rimmetyk foar dat har mem in fantatise âlde dei hat
8 Geertrui Elisabeth Jans Nammensma * Seisbierrum 25-1-1903 † dêr 3-1-1951, 47 jier, [] Seisbierrum; ferhuzet op 26-6-1918 út Seisbierrum nei Amsterdam; komt dêrwei op 28-7-1921 wer op ’e pleats te Seisbierrum; ferhuzet dêrwei op 27-1-1938 nei Oostzaan
9 Geertje Jans Nammensma (Geart) * Seisbierrum 25-9-1904 † 20-11-1986, 84, jier, [] Middenmeer; ferpleechster, ferfart út Seisbierrum op 22-3-1935 nei Grins (Eastersingel 59);
x Willem Hendrik van der Giessen * 6-8-1902 † 28-11-1967, 65 jier, [] Middenmeer; bouboer ûnder Slootdorp yn ’e Wieringermar
Ane Jukema wennet yn Slootdorp, is buorman fan Van der Giessen, dy seit as Willem widner is: Ik wit wol in frou foar dy, in boeredochter yn Seisbierrum, dat is Geartsy en dy giet mei Willem yn ’e lange hier.
Willem x 1; 3 bern
10 Hermanus Age Jans Nammensma, folget XII.7
11 Meindert Jans Nammensma, folget XII.8
12 Jan Jans Nammensma, folget XII.9
13 Age Jans Nammensma, folget XII.10
14 Sara Regina Jans Nammensma * Seisbierrum 28-1-1912 † Bolswert, Bloemketerp, 17-1-2002, 89 jier, [] Seisbierrum; oplieding RSG te Harns – yn tsjinstelling ta Sjoerd, Herman en Jan dy’t op ’e Kristlike HBS te Ljouwert sieten, grif om it kristlik ûnderwiis te stypjen; oplieding skoaljuffer oan in famkesynternaat te Zetten; skoaljuffer te Seisbierrum, mei ferfroegd pensjoen omdat it mei de bern op âldre leeftyd te dreech waard
Sara Regina hie nocht oan famylje- en lânbouskiednis. Tanksij har binne argyfstikken bewarre bleaun en yn 19e iuske fotoalbums de portretten ûnderskreaun mei de nammen, sadat wy witte wa’t wa is. Goed voorbeeld doet goed volgen.
Regine ûnderhold de oarlochsgrêven te Winaam en ûnderhold yn dat ramt kontakten mei de oanbelangjende famyljeleden.
Yn ’e argiven fan Tresoar te Ljouwert hat hja opnimme litten:
-Jeugdherinneringen van Sara Regina Nammensma, oer it tiidrek 1912-1946, mei inkelde genealogise oantekeningen; nr 6333;
-Aantekeningen van Sjoerd Meinderts Donia (1717-1809) en syn soan Meindert Sjoerds Donia (1769-1858), bouboeren op Donia state te Seisbierrum, oangeande de administraasje fan ’e buorkerij; nr 6334.

§ Portrettegalerij II – Staach Jan Nammens en Geertrui Koudenburg
Hjirûnder in fûch portrettegalerij fan Jan Nammens Nammensma en Geertrui Elisabeth Koudenburg. Dit is noch mar in seleksje – en der sil noch folle mear foar ’t ljocht komme, fersille yn âlde doazen hjir en dêr. Net fuortsmite hear!

Jan Nammens Nammensma.
Fotograaf: C.B. Broersma, Ljouwert

Geertrui Elisabeth Koudenburg.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert
Leeuwarder Courant, 10 en 13-5-1892
Leeuwarder Courant, 27 en 31-5-1892

By sawat alle bern litte Jan Nammens en Geertrui Koudenburg twaris in advertinsje pleatse. Hjirûnder dy fan Geertrui Elisabeth, neamt nei har mem

Leeuwarder Courant, 29-1 en 2-2-1903
Leeuwarder Courant, 9 en 13-2-1894
Jan Nammens Nammensma.
Fotograaf: Th.M. Staas, hofphotograaf van Z.M. den Koning der Nederlanden – Firma E. Fuchs, Willemskade Zuidzijde W 1, over de Beurs, Ljouwert

Geertrui Elisabeth Koudenburg.
Fotograaf: Th.M. Staas
Hiltsje, Neeltsje, Age, Philippus, Hermanus, Sjoerd, heit Jan Nammens Nammensma, Gerrit, mem Geartrui Elisabeth Koudenburg mei Sara Regina op ’e skurte, Nammen, Geartrui Elisabeth, Geartsje, Meindert en Jan
Fan links nei rjochts:
Gerrit, Philippus, Nammen (steand) en Sjoerd Jans Nammensma.
Fotograaf: A. Warburg – Franeker Breedeplaats.
Philippus Jans Nammensma.
Fotograaf: A. Warburg, Frjentsjer
Leeuwarder Courant, 5-4-1971
Leeuwarder Courant, 5-4-1971
Hiltje en Neeltje Jans Nammensma.
Fotograaf: A. Warburg, Frjentsjer

Hiltje en Neeltje Jans Nammensma.
Fotograaf: A. Warburg, Frjentsjer

Sara Regina Nammensma yn ’e tún fan Donia state, augustus 1913.
Fotograaf: Cabinet Portrait

Leeuwarder Courant,
4-1-1951

Leeuwarder Courant,
30-8 en 2 en 13-9-1898

Lykas syn heit Nammen is Jan Nammens bestjoerder en folmacht fan it wetterskip Vijfdeelen.
Jan wurdt oanrikkemandeard troch de pleatslike kiesferieng fan de A.R.P. en de C.H.U. Fan dy lêste is Jan as otterdoks Herfoarmde lid.

Leeuwarder Courant, 21, 22 en 24-9-1900
LC, 30-4-1909

XI.3 Nammen Jans Nammensma * Skalsum 24-5-1874 † Frjentsjer 3-6-1939, 65 jier, [] Frjentsjer, yn it grêf fan syn mem; by trouwen amtner by de sekretary te Frjentsjer; yn 1901, ’04 dêr kommys by de sekretary; sûnt 10-2-1917 te Starum, dêr boargemaster (Foarstraat 53, 67); sûnt 18-5-1921 oant 1934 boargemaster fan Idaarderadiel, wenjend te Grou (275); by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer;
Nammen hat as boargemaster uteraard ûnderskate publike funksjes, hy is û.o. beskermhear fan ’e sylferiening Zeilsport de Kruiswaters, te Grou en strânmaster; bestjoerder Stichting Meindert Douma Leen, Eastdongeradiel;
x Frjentsjer 24-5-1900, beide 26 jier, Wilhelmina Anna Jacoba Wille * Frjentsjer 22-11-1873 † Snits 16-11-1964, 90 jier, [] Frjentsjer, yn it grêf fan har man; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dr fan Gerhard Hinrich Wille, yn 1900 stukadoar te Frjentsjer (Heerengracht 49), en Wilhelmina Jacoba Paff
Bern:
1 Wilhelmina Jacoba Nammensma
* Frjentsjer 22-3-1901; ferhuzet út Starum op 22-6-1921 nei Assen; by trouwen sûnder berop te Grou; wurdt dêrwei op 9-9-1926 oerskreaun nei Nijlân, Wymbritseradiel;
x Idaarderadiel 9-9-1926, 25 en 26 jier, Wieger Jans Nieuwenhuis * Grou 29-3-1900; by trouwen arts te Nes, Westdongeradiel; wurdt op 15-9-1926 dêrwei oerskreaun nei Nijlân (it doktershûs, nrs 84, 52, 67); sn fan Joghum Wiegers Nieuwenhuis, yn 1896 ‘geagregeeërde bij ’s Rijksbelastingen’ te Grou, yn 1926 dêr kassier-boekhâlder, en Jiskjen Sybrens Postema
2 Trijntje Nammensma * Frjentsjer 27-3-1904; by trouwen sûnder berop te Grou;
x Idaarderadiel 15-4-1926, 22 en 46 jier, Christiaan Jan Houwert * Medemblik 21-5-1879 † Enschedé 4-10-1947, 43 jier; yn 1912 arts te Medemblik; by syn twadde houlik arts te Enschedé; sn fan Johan Coenraad Houwert, nôtkeapman te Medemblik, en Regina Dorothea Folpmers, yn 1926 sûnder berop te Enschedé;
Christiaan x 1 Medemblik 3-1-1912, 32 en 28 jier, Niesje Johanna Gijzelaar * Medemblik 30-4-1883 † dêr 1-3-1912, 28 jier, [] Medemblik; dr fan Joan Mattheus Gijzelaar, oannimmer en winkelman te Medemblik, en Trijntje Ates Lageveen

XI.4 Sybren Sytzes Nammensma * Boer 24-7-1875 † Frjentsjer 19-9-1948, 73 jier; by trouwen en dêrnei arbeider te Boer (17a); sûnt 17-3-1903 te Tsjummearum nr 48); sûnt 4-5-1907 te Frjentsjer; sûnt 25-5-1920 te Menaam; sûnt 18-11-1920 wer te Frjentsjer (Skilkampen); yn 1932, ’38 dêr monteur;
x Frjentsjerteradiel 11-5-1901, 25 en 26 jier, Jacobje Pieters Wassenaar * Froubuorren 7-4-1875 † Frjentsjer 19-4-1922, 47 jier; by trouwen arbeidster te Froubuorren, by ferstjerren sûnder berop te Frjentsjer; dr fan fan Pieter Douwes Wassenaar, arbeider te Froubuorren (nrs 214a, 228, 350, 370a, 418, 366, 349, 418, 38, 47, 6a, 42, 56; m.y.f. Alde Maaie 1919: nr C58), en Jetske Pieters Leistra (ek: Leijstra)
Sjoch: W.Tsj. Vleer, De Friese Wassenaars, Wassenaar Comité, 1963 – nr 1920, side 329
Bern:
1 Libbenleas jonkje *-† Tsjummearum 15-12-1903
2 Sietske Sybrens Nammensma
* Tsjummearum 14-8-1905; by trouwen sûnder berop te Harns;
x Harns 4-8-1932, 26 en 28 jier, Johannes Karl Tiel * Frankfurt am Main 2-10-1903 † Heerhugowaard 20-8-1994, 92 jier, [] kremeard Schagen; by trouwen monteur te Harns; sn fan Jan Willem Tiel, yn 1932 kûpeur te Grins, en Creszentia Zahner
3 Jetske Sybrens Nammensma * Frjentsjer 17-8-1908
4 Pieter Sybrens Nammensma, folget XII.11

Sybren de priisploeger

Leeuwarder Courant, 24-10-1898

XI.5 Jelle Sytzes Nammensma * Boer 11-8-1876 † dêr 25-12-1950, 74 jier, [] Boer; NH, letter GT; arbeider te Boer (17a, yn itselde hûs as syn broer Piter); sûnt 6-6-1904 te Tsjummearum (48a, 43, 49); sûnt 10-6-1910 idem te Froubuorren (C113); sûnt 4-6-1928 idem te Boer; yn 1938 dêr gernier;
x Frjentsjerteradiel 31-1-1903, beide 26 jier, Harmke Hendriks Jager * St.-Jabik 18-8-1876 † Doanjum 19-8-1965, 99 jier, [] Boer; komt op 12-1-1903 út Tsjummearum te Boer; by trouwen dêr sûnder berop; wennet yn 1965 sûnder berop te Doanjum; dr fan Hendrik Martens Jager, arbeider te St.-Jabik (nrs 307b, 301, 348d, 211, 177b), en Hendrikje Harmens Kok
Bern:
1 Libbenleas bern (geslacht yn ’e berte-akte net neamd) *- † Froubuorren 6-10-1901
2 Eeke Jelles Nammensma
* Boer 14-6-1903; faam, sûnt 3-5-1927 te Beetstersweach, sûnt 4-6-1928 te Boer; yn 1929 te Ljouwert, yn 1931 te Frjentsjer, fan 11-8-1931 oant 7-3-1932 ynwenjend faam by M. Hibma te Achlum; by trouwen sûnder berop te Boer; yn 1965 te Marknesse;
x Frjentsjerteradiel 21-5-1932, 28 en 25 jier, Jacob Jetzes Braaksma * Dronryp 22-12-1906; arbeider, sûnt 13-6-1927 ynwenjend arbeider by Hette de Vries te Boazum (3); ferhuzet dêrwei op 18-5-1928 nei IJsselstein, Hoogewaard; by trouwen arbeider te Achlum, de lêste seis moanne te Dronryp; yn 1933 idem te Boer (17-I) by J. Nammensma (=mooglik Jelle Nammens IX.2), yn 1938 idem te Rie (67, 94); yn 1965 te Marknesse; sn fan Jetze Hendriks Braaksma, arbeider te Peins, yn 1906 gernier te Dronryp (87, 35), ferfart mei de húshâlding op 1-7-1911 nei Dútslân, yn 1932 grientehanneler te Dronryp, en Hijke Jacobs Bouma
3 Hendrik Jelles Nammensma * Tsjummearum 29-6-1904 † dêr 17-10-1904, 4 moanne
4 Hendrik Jelles Nammensma * Tsjummearum 29-6-1906 † Boer 8-4-1965, 59 jier, [] Boer; ferfart op 4-6-1928 út Froubuorren nei Boer; by ferstjerren dêr gernier;
x 12-3-1953 Eisjen Lycklama à Nijeholt (twilling mei Elizabeth) * Wjelsryp 4-2-1921 † 1-8-2001, 80 jier, [] Boer; G; dr fan Aizo Pierius Lycklama à Nijeholt, G, arbeider te Frjentsjer, sûnt Alde Maaie 1912 fjildarbeider te Wjelspyp, dêr letter greidboer, en Adriaantje Rinzes Sinnema, NH;
Eisjen x 2 Ljouwert 8-9-1972 Jacob Wopkes Bijlsma * 28-3-1911; G; sn fan Wopke Jacobs Bijlsma, arbeider û.o. te Winaam, Dronryp en Frjentsjer, en Rinske Wiebes Ypenga
Sjoch: Jan A. Paasman, Lycklama à Nijeholt – tûke Wûnseradiel, Genealogysk Jierboek 1998, Fryske Akademy 1998 – XIIf.9
5 Hendrikje Jelles Nammensma * Tsjummearum 30-11-1907; GT; by trouwen faam te Boer;
x Frjentsjerteradiel 19-5-1934, 26 en 27 jier, Meinte Hedzers Zijlstra * Boer 23-4-1907; NH; by trouwen en dêrnei arbeider te Boer; sn fan Hedzer Meintes Zijlstra, arbeider te Boer (12, 4, 3; m.y.f. maaie 1939: nr 5), en Rinske Reins Reitsma
6 Sijtze Jelles Nammensma * Froubuorren 22-10-1912; by trouwen arbeider te Boer; letter te Doanjum;
x Frjentsjerteradiel 29-1-1938, 25 en 23 jier, Jantje Theunis Kooistra * Wergea 31-7-1914; by trouwen húshâldster te Wergea; dr fan Theunis Sints Kooistra, by trouwen yn 1907 arbeider te Wergea, dêr neityd winkelman (224, 228), ( GT, DG), en Jeltje Albert Beerlings (GT, NH), by trouwen yn 1907 winkelfrou te Aldegea (Smellingerlân)
7 Martentje Jelles Nammensma * Froubuorren 4-7-1914 † dêr 8-3-1916, 20 moanne
7 Sijke Jelles Nammensma * Froubuorren 19-6-1915
8 Dirk Jelles Nammensma * Froubuorren 21-12-1919 † 3-9-2004, 82 jier, [kremeard, jiske, Froubuorren, Attesweg 21]

XI.6 Nammen Sytzes Nammensma * Boer 1-10-1883 † Ljouwert 6-2-1960, 76 jier; NH; arbeider, komt 8-9-1905 út Lollum yn Frjentsjer; yn 1908 wennet Nammen te Oberhausen; hy wennet mei syn earste frou en Heinrich sûnt 3-12-1909 yn by syn âlden; by twadde houlik arbeider te Frjentsjer; sûnt 26-2-1912 los arbeider te Ljouwert (Fabriekssteeg V 48); ferhuzet 31-10-1912 dêrwei nei Frjentsjer; komt op 3-2-1915 út Rheine, Dútslân, wer los arbeider te Ljouwert (it gesin húsmannet yn, achterinoar: Bollemanssteeg K 12-boppe; Maria Annastraatje L 5-ûnder; Westerstraat Z 21; Van Asbeckstraat H 39; Westerstraat Z 71);
x 1 Dutslân 1908, houlikstastimming Frjentsjer 12-2-1908, Willemina Meddeler * Lochem 12-8-1887 † foar -2-1912 (stjerakte net fûn te Ljouwert);
x 2 Frjentsjer 18-2-1912, 28 en 22 jier, skieding 3-10-1929, Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert, ynskreaun yn ’e Boargerlike Stân fan Frjentsjer 24-3-1930, Jeltje Jelles Kleefstra * 6-6-1889 † Ljouwert 14-3-1944, 54 jier; NH; by beide houliken sûnder berop te Ljouwert; komt op 1-12-1914 út Dútslân yn Ljouwert (Van Asbeckstraat H39, Haniasteeg G1); dr fan Jelle Nannes Kleefstra, yn 1882 masjinist te Gersleat, yn 1884 dêr arbeider, yn 1887, ’89 arbeider te Lúkswâld, yn 1905, ’12, ’18 ryksfjildwachter te Hurdegaryp en Burgum, letter majoor by de Ryksfjildwacht te Ljouwert (Nijebuorren M 132-boppe, Willem Loréstraat U 38), en Jantje Jelles Hofstra
Bern út it earste boask:
Heinrich Nammens Nammensma, folget XII

Bern út it twadde houlik:
2 Jantje Nammens Nammensma
* Ljouwert 31-8-1912; GT;
3 Sietze Nammens Nammensma, folget XII
4 Jelle Nammens Nammensma * Ljouwert 14-1-1917 † dêr 4-8-1917, 6 moanne; NH
5 Ytje Nammens Nammensma * Ljouwert 26-7-1918; NH; wennet yn 1931 te Huzum (Skoalledykje 31)
6 Grietje Nammens Nammensma * Ljouwert 23-5-1922 † dêr 22-12-1922, 7 moanne
† dêr 23-12-1927; G

Bern fan Jeltsje Kleefstra:
Ybelina Kleefstra * Readtsjerk 15-7-1910; Ybelina wurdt opbrocht by har pake Jelle Nannes Kleefstra en syn twadde frou Yttje Bottinga te Ljouwert; komt dêrwei (Tsjerk Hiddestraat 39) op 17-3-1928 yn Gytsjerk; ferfart mei har man op 21-6-1928 dêrwei nei Bussum (Keizer Ottostraat 24);
x Ljouwert 14-3-1928, 17 en 25 jier, Jelle Nijboer * Ljouwert 11-7-1902; kelner te Ljouwert (wennet op ’e Foarstreek); sn fan Berend Gerbens Nijboer, arbeider te Ljouwert, yn 1928 dêr sûnder berop, en Hendrikje Jelles Jelsma
Jeltsje Kleefstra x 2 Ljouwert 9-11-1935, 46 en 42 jier, Gerrit Johannes Koning * Ljouwert 5-3-1893 † Apeldoarn 23-5-1963, 69 jier; by earste boask arbeider te Ljouwert, by twadde houlik dêr stienhouwer; sn fan Johannes Gerrits Koning, yn 1880 pakhúsfeint te Ljouwert, yn 1893, 1916 dêr gemeentereiniger, en Elbrigje Jans de Vries;
Gerrit x 1 Ljouwert 27-5-1916, 23 en 19 jier, skieding by fûnis Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 10-3-1932, ynskreaun by de Boargerlike Stân Ljouwert 4-5-1932, Jeltje de Jong * Ljouwert 27-2-1897; NH, letter RK?; by trouwen naaister te Ljouwert; dr fan Cornelis Nicolaas de Jong, komt op 13-4-1894 út Sûrabaja, Ned. Oast Indië, dêrnei arbeider te Ljouwert, en Trijntje Sjoukes Meijer

XI Pieter Hyltjes Nammensma * Tsjummearum 24-2-1877 † Seisbierrum 8-6-1943, 66 jier; by trouwen en yn 1904, ’08 arbeider te Minnertsgea; yn 1908, ’10 te Seisbierrum; sûnt Alde Maaie 1916 te Pitersbierrum (46a); sûnt Alde Maaie 1920 arbeider te Seisbierrum (nrs 374, 365, 426); yn 1928, ’32 en by ferstjerren dêr gernier;
x Barradiel 6-5-1899, 22 en 20 jier, Tækje Pieters Nauta * Tsjummearum 23-5-1878 † Seisbierrum 21-11-1955, 77 jier; by trouwen arbeidster te St.-Jabik; dr fan Pieter Jacobus Nauta, arbeider te Tsjom, Tsjummearum, Frjentsjer, Furdgum, St.-Jabik, Seisbierrum, Easterbierrum, en Sjoukje Tækes Siderius, by har trouwen faam te Tsjom, Sjoukje tekenet har eigen trou-akte wol, mar ferklearret by houlik fan Tækje yn 1899 ‘dat zij konde schrijven noch teekenen als hebbende zulks niet geleerd’
Bern:
1 Hyltje Pieters Nammensma
* Minnertsgea 6-9-1902; by trouwen tsiismakker te Seisbierrum; wurdt op 6-12-1928 by syn âlden te Seisbierrum wei oerskreaun nei Wapserveen;
x Barradiel 6-2-1928, 26 en 22 jier, houlik ûntbûn by fûnis Arrondissemintsbank te Grins op 3-12-1948, ynskreaun yn it Register fan houliken en echtskiedingen fan Barradiel op 19-12-1948, Wybrigje Houman * Skalsum 7-6-1906; wurdt oerskreaun by har âlden te Skalsum wei op 19-2-1923 nei Pitersbierrrum, dêr ynwenjend faam by J. Zijlstra op nr 69; by trouwen dêr sûnder berop; wurdt dêrwei op 6-12-1928 oerskreaun nei Wapserveen; dr fan Josi Johannes Houman, by syn trouwen yn 1895 weinmakker te Froubuorren, dêr letter weinmakkersfeint, idem te Hallum, sûnt Alde Maaie 1895 idem te Skalsum (347a, 58, 53, 23, 27, 9), yn 1906, ’28 dêr weinmakker, en Jacoba Ettes Terpstra, weinmakkerske te Furdgum
2 Pieter Pieters Nammensma * Minnertsgea 14-1-1904 † 17-10-1974, 70 jier, [] Seisbierrum
3 Rintje Pieters Nammensma, folget XII
4 Jacobus Pieters Nammensma * Seisbierrum 16-5-1910 † 28-6-1931, 57 jier, [] Seisbierrum
5 Ale Pieters Nammensma, folget XII

XI Rintje Hyltjes Nammensma * Tsjummearum 27-12-1878 † Minnertsgea 21-12-1947, 67 jier, [] Minnertsgea; by trouwen arbeider te Wier; sûnt 25-11/27-12-1899 idem te Minnertsgea (nrs 278, 358, M387); sûnt 1-1-1900 wenje Rintsje en Jantsje mei Tetsje yn by Jantsje har âlden te Minnertsgea (nr 356), Rintsje is dêr ek arbeider; sûnt 27/30-5-1903 idem te St.-Jabik (nr 204, 201), sûnt Alde Maaie/8-6/15-6-1904 idem wer te Minnertsgea (nr 354); sûnt Alde Maaie 1907 idem te Tsjummearum (341); yn 1922 en by ferstjerren gernier te Minnertsgea (nrs 379, 430, 451);
x Barradiel 8-7-1899, 20 en 19 jier, Jantje Jacobs Wassenaar * Minnertsgea 3-10-1879 † dêr 27-8-1952, 72 jier, [] Minnertsgea; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Minnertsgea; dr fan Jacob Minnes Wassenaar, yn 1858 arbeider te St.-Jabik, yn 1879, ’99 gernier te Minnertsgea (171, 359), en Tettje Klazes Hogenhuis (ek: Hoogerhuis; yn har trouakte: Hogenhuis; har heit tekenet: Hogenhuis, Tettsy kin net skriuwe)
Sjoch: Minnertsga vroeger
-Jantsy is de jongste fan njoggen bern; dêrfan ferfarre acht út ’e krapte wei nei it Lân fan Dream en Winsken – Jantsy en har heit en mem net
Rintsje wurdt op18-12-1897 goedkeurd foar de militêre tsjinst en ta de tsjinst oanwiisd.
Sinjalemint: 1 meter, 699 mm; Aangezigt: rond; Voorhoofd: smal; Oogen: grijs; Neus: spits; Mond: ord(inair=gewoan); Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id(em); Merbare teekenen: geene.

Rintsje keapet op 9-12-1919 fan Sytske Tjallings Lyklama, widdo fan Jelle Petrus Hannema te Ljouwert, in gerniershûs en boulân te Minnertsgea; notaris: Gerard Dirk Boswijk te Seisbierrum
Bern:
Tetje Rintjes Nammensma
* Minnertsgea 17-10-1899 † dêr 2-5-1975, 75 jier, [] Minnertsgea, rige 29, nr 9; NH, letter GT; by trouwen sûnder berop te Minnertsgea (nr 379); dêrnei dêr skipperske;
x Barradiel 11-2-1922, 22 en 25 jier, Jan Wouters de Roos * Ljouwert, yn it skip, 29-7-1896 † Minnnertsgea 3-8-1966, 70 jier; NH, letter GT; by trouwen skipper te Minnertsgea, wennet mei de húshâlding oan board op har tsjalk Friso, stânplak Minnertsgea; har bern komme û.o. te wrâld yn Minnertsgea, 1923, ’27, ’33, Emmen, 1925, Ljouwert 1922, ’33; by ferstjerren brânstofhanneler te Minnertsgea; sn fan Wouter Aizes de Roos, by trouwen yn 1892 skipper op ’e Gordyk, dêrnei idem te Berltsum, lisplak oan it Spoardok, en Roelofje Jans Westerbeek, skipperske te Berltsum, yn 1922 beide sûnder berop te Minnertsgea
Soch: Gerryt Bouma, Foto’s De Groot en De Roos, Minnertsga vroeger

XI. Gerrit Hyltjes Nammensma * Tsjummearum 11-6-1885 † Achlum 4-1-1935, 49 jier; arbeider, ferhuzet op 4-7-1907 mei yn ’e húshâlding fan syn âlden nei Achlum; dêr by trouwen en ferstjerren arbeider, earst yn itselde hûs as syn âldelju dêr (hûsnrs 153, 135, 183, 181; sûnt maaie 1935: nr 114; letter nr 119, 76); op 1-9-1928 – in dei foar it ferstjerren fan Janna – komt Gerryt syn suster Tytsje by har yn te wenjen, dy bliuwt dêr oant 11-7-1939;
x Frjentsjerteradiel 21-5-1910, 24 en 22 jier, Janna Jans Zaagmans * Achlum 18-9-1887 † Ljouwert, wenjend te Achlum, 2-8-1928, 40 jier; by trouwen faam te Achlum; dr fan Jan Jacobs Zaagmans, arbeider te Achlum, en Jetske de Vries;
Janna wurdt geboaren nei har heites ferstjerren op 16-3-1887 te Achlum, se wurdt nei har heit ferneamd.
Gerryt wurdt op 17-12-1907 oanwiisd ta de militêre tsjinst.
Bern:
Simon Gerrits Nammensma, folget XII

Leeuwarder Courant 10-6-1910
– Rechtzaken Rechtbank Leeuwarden

GENERAASJE XII
XII.1 Nammen Sjoerds Nammensma * Frjentsjer 21-4-1888 † Grand Rapids, Kent, Michigan 9-6-1951, 63 jier; yn 1917 sûnder berop te Frjentsjer (Wyk KV 132); yn 1920 dêr grientekweker (Dokter Jelle Bangastrjitte 6); ek op Getswerdersyl; yn oan ’e Foarstraat 3, dy saak jout er yn 1922 yn behear oan Egbert van Dorsten, ’e grientekeapman te Frjentsjer; Nammen is sûnt 21-4-1921 grientekweker te Easterbierrum (165); ferfart dêrwei op 26-5-1925 mei de húshâlding nei Frjentsjer (Dykstrjitte 31); ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1927 nei Jiskenhuzen, dêr boer op nr 28; ferfart dêrwei mei de húshâlding op 19-4-1928 nei Grand Rapids, Kent, Michigan, Noard Amearika;
x Doanjewerstal 14-11-1912, 24 en 18 jier, Meike Jans Haven * Jiskenhuzen 14-7-1894 † Grand Rapids, Kent, Michigan 9-6-1960, 65 jier; ferfart op 27-12-1906 út Jiskenhuzen nei Snits; ferhuzet dêrwei op 17-7-1908 nei Ljouwert, dêr ynwenjend by Fedde Hernamt, pinsjoneard ûnderwizer, en Tietje Jans Bles; ferfart dêrwei op 17-5-1909 nei Dûnegea, nei har âlden; by trouwen dêr sûnder berop; wurdt dêrwei op har troudei oerskreaun nei Frjentsjer; dr fan Jan Piers Haven en Tietje Tiedes de Jong, greidboeren, yn 1894 te Jiskenhuzen (99), sûnt Alde Maaie 1909 te Dunegea (nr 33), sûnt 8-5-1919 te Oranjewâld
Bern:
1 Libbenleas bern
*-† Frjenstjer 21-11-1912
2 Sjoerd Nammens Nammensma * Frjentsjer 10-4-1916 † Grand Rapids, Kent, Michigan 7-6-2004
x N.N.
3 Eelkje Tietje Nammens Nammensma (Elsie) * Frjentsjer 18-7-1920 † Grand Rapids, Kent, Michigan 4-1-2001, 81 jier;
x N.N.
4 Nammen Nammens Nammensma * Easterbierrum 19-6-1921 † Martin, Florida 15-7-1984, 63 jier
5 Tietje Afke Nammens Nammensma * Easterbierrum 7-12-1922 † dêr 5-3-1924, 1 jier
6 Jan Nammens Nammensma * Easterbierrum 29-11-1924 † Grand Rapids, Kent, Michigan 26-7-1996, 71 jier
x N.N.
7 Pier Nammens Nammensma (Peter) * Jiskenhuzen 19-9-1927 † Grand Rapids, Kent, Michigan 1950, 22 jier
x N.N.

Nammen Sjoerds Nammensma.
Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert

Nammen Sjoerds Nammensma yn ’e Mobilisaasjetiid mobiliseard te Amersfoart.
Fotograaf: Th.F. van der Pol, Amersfoart

XII.2 Meindert Sjoerds Nammensma * Frjentsjer 29-6-1900 † 9-4-1971, 69 jier, [] Seisbierrum; by trouwen bouboer op ’t War ûnder Frjentsjer; hy en Baukje wurde ynskreaun te Winaam nr 74, dêr bouboeren op 7-1-1924, dêrwei oerskreaun op Alde Maaie 1924 nei Frjentsjer, yn 1927, ’35 op ’t War oant de 50-60-er jierren;
x Barradiel 18-10-1923, 23 en 20 jier, Baukje Gerlofs Terpstra * Winaam 3-1-1903 † 10-7-1973, 70 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Winaam; bouboerinne te Winaam en op ’t War; dr fan Gerlof Fokkes Terpstra, by syn trouwen yn 1900 fan boerebedriuw te Doanjum, en Baukje Jans Boomsma, bouboeren te Winaam
Bern:
1 Baukje Meinderts Nammensma
/Hitsum/
x T. Zijlstra
2 Eelkje Meinderts Nammensma/Driezum/
x Sj. J. van der Meer

Meindert Sjoerds Nammensma.
Fotograaf: A. Warburg, Bredeplaats, Frjentsjer

§ Ynwenjend faam en los-fêst arbeider
Meindert en Baukje freegje op Alde Maaie 1927 in ynwenjende faam. Dat kin in lytsfaam wêze, dy’t fan alles leart fan ’e grutfaam. Se diele tegearre in bedstee yn it achterhús en ha mooglik in eigen fammekast, dy’t se sels meinimme kinne. In lyts- en grutfeint sille der ek wêze, dy sliepe yn it feintekeammerke boppe de golle, of yn ’e bedstee yn ’t bûthús.
Fierders ha se op ’e pleats ferlet fan in net-ynwenjende fêste of los-fêste arbeider, leafst mei twa jonges.
Los-fêst kin yn dy tiid betsjutte dat de man mooglik ek by in oar arbeidet of foar himsels in komelkerijke of genierkerij hat.

Leeuwarder Courant,
3-1-1927
Leeuwarder Courant,
24-11-1942

Leeuwarder Courant, 10-4-1971

XII.3 Jacob Sjoerds Nammensma * Frjentsjer 25-9-1896; by trouwen keapman te Ljouwert; by de skieding mei Henderika is syn wenplak ûnbekend;
x Ljouwert 25-10-1925, 28 en 20 jier, skieding Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 21-4-1927, ynskreaun yn ’e Boargerlike Stân fan Ljouwert 3-9-1927, Henderika Paardekam * Ljouwert 9-8-1904; moadiste te Ljouwert, by trouwen dêr sûnder berop; dr fan Jacobus Paardekam, skipper te Ljouwert, en Geertrui Schouwenburg, bierhûshâlders op ’e Weaze 32 te Ljouwert, gean dêr op 26-2-1912 yn ’t fallisemint, yn 1925 kafeehâlders te Ljouwert

Yn 1927 is Jabik spoarloas:

XII.4 Nammen Jans Nammensma * Seisbierrum 23-6-1894 † 28-8-1974, 78 jier, [] Seisbierrum; bouboer te Seisbierrum (356, 349); bouboer op Waslicht, earst mei syn suster Hiltsy as húshâldser; foarsitter Gewestlike Rie foar Fryslân fan it Lânbouskip;
x It Bilt 12-5-1920, 25 en 22 jier, Neeltje Roelofs de Jong * St.-Anne 28-10-1897 † 30-12-1990, 93 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te St.-Anne; wurdt op 26-5-1920 út St.-Anne oerskreaun nei Seisbierrum; har suster Hiltje Roelofs de jong wurdt dan tagelyk oerskreaun en komt by Nammen en Neeltsy yn te wenjen; Neeltsy ferhuzet op 15-3-1929 nei Ermelo; dr fan Roelof Jentjes de Jong en Maria Wilhelmina Wiltjes Mulder, bouboeren te St.-Anne (250, 788)
Bern:
1 Maria Wilhelmina Nammensma
(Marie) * Seisbierrum 8-8-1921
2 Jan Nammens Nammensma * Seisbierrum 16-6-1922
3 Roelof Nammens Nammensma * Seisbierrum 25-12-1926
4 Nammen Nammens Nammensma (Nampie)

Nammen Jans Nammensma, 1895.
Fotograaf net oanjûn

Nammen Jans Nammensma, 1914.
Fotograaf: De Jong, Ljouwert,
It Hearrenfean, Snits

XII.5 Gerrit Jans Nammensma * Seisbierrum 20-10-1895 † dêr 2-3-1949, 53 jier; sûnt 19-9-1921 oant 1936 bouboer op Donia state (311, 362), folget dêr syn omke Nammen (XII.4) op; ferfart op Alde Maaie 1936 mei frou en bern nei Pitersbierrum (46), by ferstjerren dêr kommisjonêr; syn broer Jan Jans Nammensma komt nei him op Donia state;
x Barradiel 29-9-1921, 25 en 24 jier, Sietske Andries Tiemersma * Huzum 6-3-1897; by trouwen sûnder berop te Heemstede, wurdt dêrwei oerskreaun op 10-9-1921 nei Seisbierrum; bouboerinne op Donia state; suster fan Beert (XI.1.5); dr fan Andries Johannes Tiemersma, tsiiskeapman te Deinum, sûnt Alde Maaie 1890 te Huzum, sûnt 26-7-1904 te Ljouwert, en Antje Beerts Lont, yn 1912 rinteniers te Den Haach, yn 1921 beide sûnder berop te Heemstede
Sjoch: Derk Jordaan, Van Timersma tot Tiemersma IX-A
Bern:
1 Antje Gerrits Nammensma
* Seisbierrum, Donia state, 11-2-1927;
x Jan Dijkstra

Gerrit Jans Nammensma.
Fotograaf: A. Warburg – Franeker Breedeplaats – Speciale inrichting tot het opnemen van groepen en gebouwen.

Leeuwarder Courant, 14-2-1927

XII.6 Sjoerd Jans Nammensma * Seisbierrum 20-1-1897 † Ljouwert, Europaplein, 18-10-1971, 74 jier, [] Seisbierrum; NH; ferhuzet op 4-9-1912 út Seisbierrum nei Assen; komt op 1-4-1923 út Grins by syn âlden te Seisbierrum; ferfart dêrwei op 25-2-1924 nei Wommels, dêr arts oant 1967; bestjoerslid gemeentlik mienskipshûs It Dielshûs te Wommels;
x Barradiel 1-6-1936, 40 en 27 jier, skieding 5-5-1966 ynskreaun yn de Boargelike Stân fan Barradiel, Maria Louise Hendricks * Woerden 27-10-1909; RK; juffer yn ’e húshâlding te Den Bosch (ZW Vaart 121); by trouwen sûnder berop te Seisbierrum (351a), sûnt 24-11-1934 te Wommels, dêr juffer yn ’e húshâlding by Sjoerd Nammensma (nr 43); dr fan Cornelis Johannes Petrus Paulus Hendricks, yn 1936 stienfabrikant te Amsterdam, en Johannna Theodora Maria van Haaren, 1936 sûnder berop te Nijmegen
Bern:
1 J. Geertruida Nammensma
; bibletekares te Amstelveen;
x 1 N.N.
x 2 Henk Maaten; wethâlderfoar de V.V.D. te Amsteveen
2 Maria Louise Nammensma; ûnderwizeres basisskoalle te
x Jan Dijkhuizen; gymnastyklearaar fuortset ûnderwiis/Eelde/
3 Reinou Nammensma/Amsterdam/
x Wim H.P. Slagter

§ Tefreden pasjinten
Sjoerd Nammensma is gefierd dokter te Wommels. Hy rint oer fan medise kennis, ken de komplete medise ensyklopedy út ’e holle – de strekking, fansels net letter foar letter.
Dokter Nammensma hat tefreden pasjinten. Sadanich, dat adverteard wurdt mei syn goede namme.

Op in kear wurdt er ûntbean by in fanke dat lêst fan pinebúk hat. It sil in blineterm-ûntstekking wêze, beweare har âldelju. Der is fierders neat te sjen, mar Nammensma diagnostiseard dat it bern in bern hawwe sil.
It bern wol neat sizze. Mar as er allinne mei har sit, krijt er op ’t lêst út har wa’t de oansetter fan dit ‘ûnecht libben’ is: de bakker dêr’t se by tsjinnet. Nammensma set derop op ôf en seit de man oan: Ast soks wer flikst, sil ik dy hânsum eigenmachtich kastreare sûnder pynstillers.
At ik siik bin, seit in oar, moat dokter Nammensma komme, as hat er ek noch sa’n slok op; wer in oar: Dokter Nammensma sjocht mei de eagen ticht mear as in oare arts mei de eagen iepen; in Seisbierrum boer hat swier de gryp, dan is it wer oer en begjint it wer; twa dokters kinne der net útkomme; Nammensma seit nei útlis fan ’e klachten: hy hat Abortus Bang, saakkundich anneks praktys ynsicht, alles neffens oerlevering.
Nammensma hat syn ‘eigen Sikefûns’: minsken mei in romme beurs betelje mear as dy mei in krappe. De earsten krije de rekken mei fulpin, de oaren mei potlead: der moat sichtber ferskil wêze.
Nammensma wennet nei syn pensjoen mei 65 jier oan it Europaplein te Louwert, nei’t er fjirtich dokter te Wommels west hat.
Hy wurdt oan longkanker opereard, wat dan net gebrûklik is. Syn bruorren Nammen en Jan komme by him. Sjoerd seit oars net as: Ik gean dea jonges. De oare deis is er hjir net mear.

Leeuwarder Courant
Leeuwarder Courant, 19-10-1971
Leeuwarder Courant, 21-10-1971
Leeuwarder Courant, 21-10-1971

XII.7 Hermanus Age Jans Nammensma (Herman) * Seisbierrum 19-8-1906 † Berltsum 1-8-1960, 53 jier, [] Seisbierrum; ferhuzet 5-6-1920 út Seisbierrum nei Ljouwert, wennet dêr yn by syn muoike Geartsje-en-dy (XI.1.5), ferhuzet dêrwei op 29-10-1920 nei Huzum (C28), is dêr kommensaal by de famylje De Gavere; ferfart dêrwei op 24-10-1924 nei Grins, dêr ynskreaun by de Ryks Universiteit op 18-11-1925; ferhuzet op 16-4-1935 fan syn âlderspleats út Seisbierrum nei Amsterdam (Wijttenbachstraat 28); kandidaat notaris te Seisbierrum, Den Haach, Rotterdam (dêr is er yn ’e kost en makket er it bombardemint mei en komt dêr net skeind skeind foar wei), op It Hearrenfean (by trouwen dêr kandidaat-notaris, de lêste seis moanne te Rotterdam); sûnt 1956 oant syn ferstjerren notaris te Berltsum;
x It Bilt 1-2-1946, 39 en 28 jier, Pietertje Thysses Houtsma * Easterbierrum 3-2-1918 † It Hearrefean 2-4-2012, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te St.-Jabik; as widdo húshâldster by Jan Gol, húsarts yn ’t Oranjewâld, letter har partner; dr fan Thijs Botes Houtsma en Jetske Botes Jukema, bouboeren te Easterbierrum en St.-Jabik
Sjoch: Genealogy Jukema VIII.5.4

XII.8 Meindert Jans Nammensma * Seisbierrum 14-1-1908; by trouwen en dêrnei bouboer te Seisbierrum; komt op 21-3-1936 út Ljouwert yn Seisbierrum, dêr bouboer op Ottemaleane 1(358); emigreard twadde helt 50-er jierren nei Australië, dêr boer, letter wurksum yn in fiskôfslach
Meindert moat op ’e fiskôfslach de ferskillende kilo’s fisk weagje, hy hat staar en kin de grutte wizer fan ’e weachskaal wol sjen, mar kin de sifers net goed op papier krije; hy ûnthâld it tal kilo’s en dikteard dy thús oan syn frou – in formidabel ûnthâld.
x Barradiel 4-6-1936, 28 en 24 jier, tagelyk mei syn broer Jan, Trijntje Fongers de Vlas (Tine) * Frjentsjer 7-1-1912; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer (Suderkade 30), wurdt dêrwei oerskreaun op 17-6-1936 nei de pleats yn Seisbierrum (358); dr fan Fonger Jans de Vlas, yn 1905, ’07, ’12 stoomboatkapitein te Frjentsjer, yn 1930, ’34 dêr ekspediteur, en Henderika Jacobs Wynia
Bern:
1 Hendrika Nammensma
Watson (Rikie) * Seisbierrum 18-1-1937 † 15-4-1999, 62 jier, [] Eden Historic Cemetery, Eden, Bega Valley Shire, New South Wales, Australia, perseel Presbyterian, Section 3, Row E, Plot 11; net troud
2 Jan Meinderts Nammensma, folget XIII
3 Fonger Meinderts Nammensma * 4-12-1944 † 26-1-1-2013, 68 jier, [] Billion Graves Record Eden Cemetery, Eden, Bega Valley Shire Council, New South Wales, Australië; fisker
x Heidi Nammensma * 3-11-1954 – † 17-2-2013, 58 jier, [] Billion Graves Record Eden Cemetery, Eden, Bega Valley Shire Council, New South Wales, Australië

XII.9 Jan Jans Nammensma * Seisbierrum 9-7-1909 † dêr 14-10-1992, 83 jier, [] Seisbierrum; bouboer op Donia state; foarsitter Friesche Maatschappij van Landbouw; kontroleur en bestjoerslid N.A.K. (Nederlandsche Algemene Keuringsdienst);
x Barradiel 4-6-1936, tagelyk mei syn broer Meindert, 26 en 20 jier, Pietertje Johannes Houtsma (Piet) * Easterbierrum 11-6-1915 † dêr 24-8-1992, 77 jier, [] Seisbierrum; dr fan Johannes Botes Houtsma en Sibbeltje Botes Jukema (VIII.5.2), bouboeren op ’e Stjelp oan ’e Seedyk ûnder easterbierrum; sûnt 1937 bouboeren op Donia state, folgje Jan syn broer Gerryt dêr op
Bern:
1 Sibbeltje Nammensma (Sippie) * Seisbierrum, Donia state, 16-6-1939 † 14-10-2017; folget de U.L.O. yn Harns, dêrnei de Foarmingsklasse oan ’e Prinses Marijke Skoalle yn Ljouwert;
x 28-10-1958 Douwe de Jong; ierdappelkeapman te Tsjummearum, yn ’e mande mei syn broer Hendrik de Jong

Bern: Pietertje Johanna de Jong; Sjieuwke Anna de Jong; Janna Elisabeth de Jong; Jan Rommert de Jong

2 Geertrui Elisabeth Nammensma * Seisbierrum, Donia state, 9-4-1943 † dêr 19-4-1943
3 Geertrui Elisabeth Nammensma * Seisbierrum, Donia state, 23-7-1948 ~ Seisbierrum 5-9-1948; dosint V.M.B.O. te Winterswyk, Eibergen, Varsseveld, Aalten en Doetichem; dosint M.B.O. te Doetinchem en Arnhem; wennet 1972-1977 mei de húshâlding te Winterswyk, sûnt 5-5-1977 te Varsseveld; oant 2010 te Culemborg, sûnt te Duiven;
x Winterswyk 18-2-1972, tsjerklike ynsegening Seisbierrum 6-5-1972, Gijsbert Jerfaas Jan Rijnberk * Winterswyk 20-10-1946; haad ynkeaper binnentsjinst Atag yn Ulft; haad ferkeap binnentsjinst Atag /Etna/ Pelgrim te Duiven

Bern:
1 Gijsbert Lodewijk Rijnberk * Winterswyk 6-3-1975, ~ Winterswyk, Jacobskerk, 6-7-1975;
x Culemborg 18-3-2008 Angelique Johanna Gerritje van Emden *Culemborg 26-4-1975
Bern: Julia Johanna Elisabeth van Emden * Swolle 3-6-2006, Lucas Gijsbert van Emden * Utrecht 17-5-2008, Sophie Geertje van Emden * Utrecht 17-5-2008
2 Jan Bert Rijnberk Doetinchem 24-5-1978, ~ Varsseveld, Laurentiuskerk 1-10-1978; wennet te Varsseveld;
x 23-10-1980 Imelda Dondergoor
Bern: Job Rijnberk * Winterswyk 30-11-2009, ~ Varsseveld, Laurentiuskerk, 20-6-2009; Jet Rijnberk * Varsseveld 21-1-2015, ~ -4-20015 Sinderen, Keurhorsterkerk

4 Neeltje Nammensma (Nely) * Seisbierrum, Donia state, 17-8-1949, ~ Seisbierrum 11-9-1949; folget trije jier de Yndustry- en Húshâldskoalle te Harns; twajierrige INAS-oplieding (INrichtings ASsistente-opleiding, foar har dy’t de soarch yn wolle, mar noch net witte hokke kant op, of dêrfoar te jong binne) en Z-ferpleechkundige (Z>Zwakzinnigenzorg) te Elspeet by bern mei in geastlike en lichaamlike beheining; twa jier deiferbliuw yn Coevorden foar bern mei in geastlike beheining; sûnt har houlik bouboeren op Donia state, opfolgers fan Nely har âlden; Donia state is dan 45 ha., útwreide nei 67 ha. en fergrutte nei 72 ha.; nei har trouwen pleatslik, provinsjaal en lanlik warber yn Vrouwen van Nu; tsjerkewurk: âlderling, lid wurkgroepen, jeugdwurk;
x Ane Jelles Jukema
Sjoch: Genealogy Jukema X
5 Johanna Regina Nammensma (Jo) * Seisbierrum, Donia state, 2-10-1953 ~ Seisbierrum; wenplakken: Winterswyk 18-10-1974 oant 1-7-1977; Meerkerk 1-7-1977 oant 1-11-1979; Neede 1-11-1979 oant 2024; Húshâldskoalle; Inas – Huishâldkunde foar ynrjochtingen; âldereinsintrum De Pelkwijk te Winterswyk; 1-7-1974 oant 1-7-1977 haad Húshâlding Akademysk Sikehûs Utrecht; 1-3-1978 oant 1-11-1979 haad Húshâlding kliniken Hert, Yntern en Longsykten Akademysk Sikehûs Utrecht; 1-1-1980 oant 1-4-2017 idem streeksikehûs Koningin Beatrix te Winterswyk (foarhinne Elisabeth Ziekenhuis/Winterswijkse Ziekenhuizen/Stichting Ziekenhuisvoorziening Oost-Achterhoek); fierders ûnderskate funksjes: ôfdielingshaad Húshâlding, idem haad, operasjoneel manager Soarchûndersteuning, idem Technyske Tsjinst en stêfmeiwurker Fassilitêre tsjinst;
x Barradiel 18-10-1974 Hendrik Albert Huijsman (Henk) * Apeldoarn 2-6-1947; LTS T; Middelbare Zeevaartschool Apeldoorn; Hogere Zeevaartschool Terschelling; KNSMA (Koninklijke Nederlandse Stoomboot Maatschappij BV; 18-10-1968 oant 1-12-1973 3e skipswurktúchkundige GHV en 2e SWTK kustfeart Smit-Loyd BV; 1-12-1973 oant 1-3-1977 2e SWTK, 1e SWTK Fläkt Luchttechniek; 1-3-1977 oant 1-8-1979 service technicus Hollandsche Signaal Apparaten, letter Thales Nederland; 1-8-1979 oant 1-8-2006 liedingjaande Energiebedrijf, ferantwurdlik foar ûnderhâld en nijbou wurktúchkundige ynstallaasjes, túnûnderhâld, bedriuwsbrânwar en wettersuvering

§ Libbenssketsen fan Jan Nammensma en Piet Houtsma
Dochter Nely Nammensma fertelt: Jan giet nei de Bewaarskoalle fan juf Sjetsje Miedema. D legere skoalle. Se rûnen nei skoalle ta. Oer de dyk, oer it hiem fan ’e koarnmole, troch de Finne, oer it Molepaed. Tusken de middei bleauwen de bern by beppe Hiltsje Goodijk yn it doarp te iten.
Oan ’e ferhalen begripe wy dat it in moaie jeugd west hat, dêr op ’e pleatst mei tolve bruorren en susters en freonen yn it doarp.
Ut oerlevering: Op ’e mole mei Engele van Dijk in mannich aventuer belibbe. Op âldere leeftyd op sneintemiddei yn ’e skuorre stikem mei maten kaartspylje – yn dy tiid yn dat otterdoks fermidden in ferbean spul, duvelsk sels. Pake in knipperke en beppe sjocht even neat?

Nei de legere skoalle giet Jan mei it spoar nei de Kristlike H.B.S. te Ljouwert. Troch de wike is er dêr yn ’e kost, sneontemiddeis spoart er wer op hûs oan. Nei trije jier H.B.S. giet Jan nei de Middelbere Lânbouskoalle yn Ljouwert. Nei syn skoalletiid komt er op ’e pleats en is er dêrby kontroleur foar seleksje fan setierdapples by de N.A.K., de Nederlandse Algemene Keuringsdienst .
Piet Houtsma hat as iennichst bern in soad wille fan har neven en nichten Houtsma en Jukema. Se rint op klompen nei de legere skoalle yn Easterbierrum, net altyd even fijn troch de wiete klaai. Mar it polsstokspringen ûnderweis makket it toch aardich. Se hat nocht oan it swimmen yn see, en oan hantwurkjen en de fammeferiening.
Nei de legere skoalle fytst se nei de Fakskoalle foar famkes te harns. In pracht tiid, mei itensieden en naaien as favorite fakken. Oant hat trouwen is se thús op ’e Stjelp.

As Jan Nammensma en Piet Houtsma nei har trouwen yn 1936 op Donia state komme, omfiemet de pleats 49 ha. Ynklusyf greide yn ’e Mieden, eigendom fan Geertrui Elisabeth Nammensma. De Mieden lizze no yn it wynmolepark. Nei fererving giet it lân nei broer Sjoerd Nammensma, letter wurdt dat ferkocht. Byn it ferstjerren fan Piet har heit en mem erft hja 7 ha. boulân, dat by de pleats komt. Dat lân wurdt in mannich jierren brûkt trocht skoansoan Douwe en dochter Sippie.
Oant 1960 is Donia state in mingd bedriuw. De kij wurde ferkocht en it gemaak bestiet yn haadsaak út setierdappels, granen en sûkerbiten. Wikseljend gewaa
ks: earte en koalsied.

Jan hat yn syn libben as boer – dat er mei hert en siel is – en letter as rintenier gâns bestjoerlike funksjes, maatskiplik belutsen en tsjerklik as er is. Nei de oarloch is er lid fan ’e Provinsjale Steaten yn ’e Provinsje Fryslân foar de Partij van de Arbeid.
Yn dy tiid leauwe Jan en syn konfraters fan de Trochbraak yn in Nederlân sûnder sulen, pylders; ‘ontzuiling’ is it biedwurd. Jan giet nei byienkomsten fan ’e sosjalistyske beweging, dêr’t fol betrouwen skôge wurdt nei de takomst fan in fernijd Nederlân. Sa wurdt Jan lid fan Partij van de Arbeid; letter stapt er oer nei de C.H.U., sûnt 1980 giet er mei oer yn it C.D.A.

Jan is fjirtich jier pleatslik warber foar de Herfoarmde Tsjerke as notabel en as tsjerkfâd en inkelde jierren foar de Provinsjale Tsjerkfâdij.
As boer is er bestjoerslid fan de Friesche Landbouw Coöperatie en de Coöperatieve Landbouwwerktuig Vereniging De Bjirmen’. Under syn rintenierstiid hat er jierren de administraasje fan it tsjerkhôf fan Easterbierrum.
Piet is thús. Har motto: Bemoei je niet met staat en kerk, maar houd je bij je eigen werk. Dêr hat se har folslein foar ynset, mei soarch en tawijing. Se is lid fan ’e Friese Bond van Plattelandsvrouwen en mei buorfroulju hat se ien kear yn ’e moanne middeis in Krâns, om beurten by ien oan hûs. dêr wurde boeken útwiksele en besprutsen, der giet in portefeuille rûn,
in map fol mei tydskriften, ûnder oaren de Wereld Kroniek en Panorama. Polityk en oar nijs komt foarby. In libben lang is har hobby naaie en hantwurkjen.

Piet Houtsma en Jan Nammensma, 25 jier troud

As rintenieren wenje Jan en Piet oan ’e Rients Westrastrjitte te Seisbierrum. Piet ferstjert nei in koart sykbêd yn har eigen fermidden nei in moai libben, sa’t se it sels sei. Boppe de roukaart stie: Herinner mij, maar niet in sombere dagen herinner mij, in stralende zon hoe ik was, toen ik alles nog kon.
Jan ferstjert yn it sikehûs fan Harns, mei syn bern om him hinne.
Yn ’e advertinsje dy’t de Herfoarmde Tsjerke yn ’e Ljouwerter Krante sette lit, stiet: Wij zijn de heer Nammensma veel dank verschuldigd voor de wijze waarop hij zich gedurende vele jaren als kerkvoogd voor onze gemeente heeft ingezet.

Sibbeltsje Boates Jukema, Pitertsje Houtsma en Jehannes Boates Houtsma
Nely, Geertrui, Jo en Sippie Nammensma
Donia state om 1940 hinne, boppe de dobbe.
De kroanlisten binne fan it hûs ôfhelle yn it ramt fan foarútgong en kostebesparring

XII.10 Age Jans Nammensma * Seisbierrum 12-11-1910 † Harns, Ducdalf, wenjend te Seisbierrum, Ottemaleane 1, 29-3-1979, 68 jier, [] Seisbierrum; slagget yn 1927 foar de Ryks Lânbou Winterskoalle te Ljouwert; yn ’t earstoan tegearre mei syn broer Flippus bouboer op ’e âlderlike pleats oan ’e Ottemaleane 1 (ôfbaarnd en opnij opboud yn âlde styl); dêr is ek in hôf by mei fruchtbeammen;
x IJtje Visser * Frjentsjer; foar har houlik húshâldster by Age
Bern:
1 Gerrit Ages Nammensma, folget XIII

Leeuwarder Courant, 30-3-1979

XII.11 Pieter Sybrens Nammensma * Frjentsjer 12-7-1911; NH; by trouwen monteur te Frjentsjer;
x Harns 23-6-1938, 26 en 24 jier, Geertje Severein * Harns 11-10-1913; DG; by trouwen sûnder berop te Harns; dr fan Jacob Tjerks Severein, bierbottelder en -hanneler te Harns (Kerkstraat 42a, Kruisstraat 14, Kerkstraat 22), (NH), en Wilhelmina Pieters Geelof (DG)

XII. Heinrich Nammens Nammensma * Oberhausen 3-8-1908; by trouwen en yn 1935 winkelfeint te Ljouwert;
x Ljouwert 12-9-1934, 26 en 19 jier, Ybeltje Visser * Westergeast; by trouwen faam te Ljouwert; dr fan Jan Jans Visser, yn1910 bakkersfeint te Kollumersweach, yn 1934 grientesutelder te Ljouwert, en Aaltje Hendriks van der Bij, yn 1910 faam te Kollumersweach
Bern:
1 Libbenleas
famke *-† Ljouwert 13-1-1935

XII Sietze Nammens Nammensma * Ljouwert 6-4-1915 † dêr 31-1-1994, 78 jier, [] kremeard Goutum; NH; by trouwen blommekeapman te Ljouwert; wennet dêr letter (Tynjedyk 120)
x 1 Ljouwert 30-5-1936, 21 en 16 jier, skieding Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 5-12-1946, Albertje Geerts Buising * Ljouwert 29-11-1919 † dêr 4-3-2002, 86 jier; G, letter HA; by trouwen sûnder berop te Ljouwert, dr fan Geert Wybes Buising, pakhúsfeint, opperman, yn 1914 glêzewasker te Ljouwert (Wearklank, Krimp Q 1, Hoogpad Q 29), yn 1919 dêr fuorman, yn 1936 dêr sjauffeur, (G, HA), en Jantje Pieters van Otten, yn 1914 lompesortearster te Ljouwert (NH, HA)
x 2 Ljouwert 30-6-1951 Meintje Hendriks Peterson * Aldtsjerk 24-9-1923 † Ljouwert 8-8-2003, 75 jier, [] kremeard Goutum; dr fan Hendrik Jacobs Peterson, arbeider te Hoensbroek, sûnt 24-1-1921 fjildarbeider, letter winkelman te Aldtsjerk (49, 114, 62), opperman te Ljouwert (Aldegaleien 201), en Sytske Meints Groothof
Albertsje x 2 H. Mijnheer
Meintsje x 1 Jan van Dijk * Ljouwert 11-7-1925 † Deventer 15-12-1979, 54 jier
Bern út it earste boask:
1 Geert Nammensma * Ljouwert 1938 † Ljouwert, Insulindestraat 102, 3-6-1960, 21 jier, ferkearsûngelok, [] Ljouwert, Noarder begraafplak; by ferstjerren sûnder berop te Ljouwert
2 Nammen Nammensma * Ljouwert 28-2-1940; wennet yn 1960 yn Suriname
3 Jantje Nammensma (Jannie) * Ljouwert 2-1-1942
x B. Bijker
4 Jeltje Nammensma (Jellie); wennet yn 1960 te Grins
Bern út it twadde houlik:
5 Jiskje Nammensma
(Jikke) * Ljouwert 5-12-1950
x Homme Sikkema
6 Aagje Nammensma * Ljouwert 21-11-1951
x Rinse Paassen
7 Sietze Nammensma * Ljouwert 27-9-1953
8 Jacob Nammensma * Ljouwert 13-2-1957
9 Trijntje Wietske Nammensma (Nienke) * Ljouwert 1-6-1961
w.m. Ljouwert 9-11-1984 Thijs Marten Peter Kuiper * Ljouwert 21-2-1959; lasser te Ljouwert

Leeuwarder Courant,
4-6-1960
Leeuwarder Courant,
7-6-1960
Leeuwarder Courant, 7-6-1960

XII Rintje Pieters Nammensma * Seisbierrum 5-5-1908; arbeider, wurdt by syn âlden te Seisbierrum wei oerskreaun nei Dútslân, komt dêrwei op ’t selde plak werom op Alde Maaie 1926; by trouwen en dêrnei arbeider te Seisbierrum (nr 27); yn 1946 dêr sutelder;
x Barradiel 4-6-1931, 23 en 21 jier, Wytske Travaille * Winaam 13-7-1909; by trouwen sûnder berop te Pitersbierrum; dr fan Ate Martens Travaille, arbeider, yn 1902, ’03 te Pitersbierrum, sûnt Alde Maaie 1909 te Winaam (154, 183), sûnt Alde Maaie 1912 idem te Pitersbierrum (76, 33, 14, 32, 15, 13), en Sjoerdje Simons Jellema
Bern:
1 Pieter Rintjes Nammensma * Seisbierrum 24-10-1931
2 Ate Rintjes Nammensma * Seisbierrum 29-11-1932
3 Libbenleas jonkje
*-† Seisbierrum 2-5-1946

XII Ale Pieters Nammensma * Pitersbierrum 2-5-1919 † dêr, Boerfinneleane 34, 6-3-1979, 59 jier, [] Seisbierrum; NH; wurksum by Wurkfoarsjenningsskip Noardergoa te Menaam;
x Barradiel 1-7-1948 Pietje Wielenga * Tsjom 17-2-1924 † Tsjummearum 21-4-1995, 71 jier, [] Seisbierrum; G; dr fan Auke Bote Baukes Wielenga (G, letter Baptist), sûnt 16-4-1910 bakker te Eksmoarre, sûnt 9-5-1918 idem te Tsjom, dêr letter suvelfabryksarbeider, en Berbertje Sytzes Sipkema
Bern:
1 Pieter Nammensma
2 Berber Nammensma
3 Auke Bote Nammensma

Leeuwarder Courant, 7-3-1979

XII Simon Gerrits Nammensma * Achlum 12-4-1912; NH, letter GT; by trouwen timmerman te Achlum; de húshâlding ferhuzet op 4-6-1938 nei Frjentsjer;
x Frjentsjer 4-6-1938, 26 en 23 jier, Akke Althof * Frjentsjer 25-2-1915 Wyk OV nr 83; NH; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dr fan Huite Foppes Althof, yn 1897, 1915 arbeider, yn 1938 los arbeider te Frjentsjer, en Pietje Sierks Geerdink
Sjoch: Historisch Centrum Franeker
Bern:
1 Janna Nammensma
* Achlum 2-4-1939; GT

GENERAASJE XIII
Bern:
XIII Gerrit Ages Nammensma *
Seisbierrum, Ottemaleane 1, 1956; bouboer op syn âlderpleats, Ottemaleane 1, Seisbierrum:
x Katharina Jobina Offinga (Karin) * 1960
Bern:
1 Age Nammensma
, folget XIV
2 Willem Matthijs Nammensma, folget XIV
3 Jasper Philippus Nammensma, folget XIV
4 Birgitta Laurina Nammensma, folget XIV

XIII Jan Meinderts Nammensma * Seisbierrum 12-10-1939; fisker;
x Sharin;
Bern, fjouwer dochters:
1 Donia Nammensma
; neamd nei Donia state

GENERAASJE XIV
XIV Age Nammensma * 1981; reesauto-technikus, Dútslân;
x Ellen Irene Ruarus *1980
Bern:
1 Sjoerd James Nammensma
* 2014
2 Emma Marrit Nammensma * 2016

XIV Willem Matthijs Nammensma * 1983; bedriuwslieder op in ierdappelbedriuw yn ’e Ukraïne
x Inge Zondervan * 1984
Bern:
1 Elisabeth Caterina Nammensma
* 2012
2 Matthijs Gerrit Nammensma * 2016

XIV Jasper Philippus Nammensma * 1990
x Baukje Houtsma * 1993
Bern:
1 Nynke Neeltje Nammensma
* 2022
2 Hylke Gerrit Nammensma * 2023

XIV Birgitta Laurina Nammensma (Birgit) * 1992
Bern:
1 Victor Isaac George Nammensma
* 2021

Wurdt fuortset