BYLAGE SIBBEN JACOB SEERPS
Undersyk: Ype Brouwers en Johannes Woudstra
Foar fierdere stúdzje: de neifolgjenden binne sibben fan Jacob Seerps.
Jan Simens, ~ Baard 1669, soan fan Symen Seerps en Teets Pyters, tr. Rixtie Dirks, dochter fan Dirck Pierius Stellingwerf en Gaatske Tiommes.
-Rixtie komt mei attestaasje fan Weidum per 2-8-1696 nei Hilaard, Jan docht dêr op 20-2-1698 belidenis.
-Yn 1705 (BAA 67 48) keapje húsman Jan Symens en Ricxt Dircx te Weidum 3½ pm yn in stik fan 14 ûnder Bears dêr’t ek Tziomme Jillerts te Weidum sa’n part fan takomt, neilitten troch Claes Tziommes te Bitgum fan wa’t ek Ricxt mei-erfgenamt wie, fan Tziomme Dircx te Bitgum foar 600 karg.
-Jan Simens is yn 1698 boer op stim 11 fan Hilaard en yn 1708, ’18 en ’28 op stim 8 fan Weidum, pastorypleats.
-Op 1.5.1724 wurde húsman Jan Simons en kûper Meevis Jacobs, beide te Weidum, oansteld as fâden oer Antie en Jacob Pyters, bernsbern fan Antie Douwes, widdo fan Jan Johannes te Weidum.
Hja binne de âlden fan:
Dirk Jans Piebenga, fan Weidum, † foar 1757, x Wjelsryp 11-10-1724 Andryske Reiners, fan Wjelsryp.
-It stel ferhuzet mei attestaasje per 21-5-1730 fan Weidum nei Wjelsryp.
-Dirk is yn 1728 boer op stim 22 fan Weidum, yn 1738 op stim 21 fan Wjelsryp.
-Dirk Jansz Piebenga is yn 1749 ‘welgestelde boer’ te Wjelsryp, húshâlding fan 5 persoanen boppe de tolwe, oanslach 66 karg. 8 st.
Ut dit houlik:
1 Reinder Dirx, * foar 1732
2 Symen, * Weidum 12-11-1728.
N.B.: dêrmei is de relaasje ek wol bewiisd nei myn idee. De oankochte 3½ pm te Bears is ntl. grif ‘de helte fan 7½ pm’ dy’t Reinder Dirx yn 1757 oan Jacob Seerps ferkeapet.
En oars is mear bewiis wierskynlik ek wol ridlik maklik te finen. De 12 + 2½ pm te Weidum dy’t Dirk Jans yn 1750 ferkeapet, sille grif troch Jan Simens oankocht wêze of oars ynbrocht troch Rixtie Dirks (en dus yn ’e akten fan har famylje wol werom te finen).
Fuort bewiis dat Symen Seerps yndie de (nije) stamheit Palsma is.