PALSMA

BYLAGE WOPKE HENDRIX EN HILTIE ROMKES

Undersyk: Ype Brouwers en Johannes Woudstra

Wopke Hendrix, boer te Jelsum en Boksum
x Jelsum goedfreed 1683 Hiltie Romkes * om 1660 hinne, dochter fan Romcke Heins en Jetske Harings te Jelsum.

-Op 24-2-1672 wurdt omke Douuwe Heins te Jelsum oansteld as fâd oer Hiltie, 12, Haringh, 8, Diu, yn har 4de, en Syttie, ¾ jier, bern fan Romcke Heins silger by Jetske Harings te Jelsum.
-Wopke Hendrix is yn 1698 en 1708 boer op stim 15 fan Boksum, yn 1718 op stim 2.
-Yn 1737 (FER 19 248v, 249) wurde yn Hallum twa buorhuzen ferkocht. It iene, bewenne troch de ‘juffers Burmania’ foar 14 karg. per jier, foar 122 goudg., it oare foar 123 goudg. Ferkeapers binne Tettje Wopkes, frou fan Jacob Seerps, húsman te Boksum foar ½, Trijntje Wopkes, frou fan Jentje Baukes, húsman te Hallum, foar ¼ en Jacob Alberts, mearderjierrich jongfeint te Boksum, foar ¼.

Ut dit houlik:
1 Jetske Wopkes
x (ûndertrou Ryptsjerk 4-1-1711, de geboadens spierd troch heit Wopke Hendriks) Albert Jacobs, te Ryptsjerk; hy x 2. 1729 Dieuke Jans.
Bern, ~ Ryptsjerk: Jacob 1712, Ewert ’17.

-Yn 1729 (TIE 45 41) meitsje de oantroude omkes Jacob Sierps en Jentie Baukes, beide húsman te Boksum, as fâden oer Jacob, yn syn 17de, en Ewert,  yn syn 12de, de bern fan Jetske Wopkes by Albert Jacobs te Ryptsjerk dy’t op ’e nij trouwe sil mei Dieuke Jans skieding mei de heit. Fan mem komt de bern û.o. ta ¼ fan 3 huzen ‘agter de wal’ te Hallum dy’t mandélich binne mei Jacob Sierps, Jentie Baukes en Romkjen Wopkes, elk ¼.

2 Hendrik Wopkes ~ Jelsum 27-11-1687
3 Tetje Wopkes ~ Jelsum 22-3-1691
x foar 1723 Jacob Seerps ~ Hilaard 1-5-1698 † dêr 1788; boer te Boksum. Sjoch: Genealogy Palsma
4 Tryntie Wopkes ~ Ljouwert 2-22-1694
5 Tryntie Wopkes ~ Ljouwert 24-4-1696 † 1778/79 (pers. kohier)
x Jentje Baukes, boer te Boksum (op stim 21, 1728), Hallum, yn 1749 ‘boer, bestaat redelijk wel’ te Wânswert, letter Ferwert, soan fan Baucke Jenties, boer op stim 10 fan Boksum 1728, en Duicke Palses.
Bern: Bauke Jintjes Wijmstra, bouboer te Ferwert, 1730-1817, Jetske (x Andries Sjoukes), Hiltje (x Kornelis Klasen), Dieuwke (x Freerk Foppes, te Raard, Burdaard).
Sjoch foar fierdere foarâlden: Genealogysk Jierboekje 1967, s. 29.

-Op 4-11-1706 wurdt yn Raarderhim keapman Gerben Martens oansteld as fâd oer Jentie, yn syn 7de jier, en syn broer en susters, bern fan Baucke Jenties en Duicke Palses.
-Op 30-1 en 23-6-1766 wurde ûntfanger J.  Stikkersma en de skoansoannen Kornelis Klasen en Andries Sjoukes, húsmannen ûnder Ferwert, oansteld as kuratoaren foar de onnoazele Trientje Wopkes, widdo fan Jentje Baukes, húsman te Ferwert; sy hat fjouwer bern.

6 Romkjen Wopkes ~ Ljouwert 13-1-1701
x foar 1730 Douwe Clazes, ‘gemeen boer’ te Hilaard 1749; Douwe en Romkjen binne lidmaten te Hilaard yn 1745.
Bern: Claas 1730, Wopke ’33, Dieuke ’34, Hendryk ’36, Hiltie ’38, Pyter ’40, Jetscke ’43.