GENEALOGY PALSMA
fragminten

* = berne
~ = doopt
x = troud
† = ferstoarn
[] = begroeven
GJb=Genealogysk Jierboek(je); OFO=Oudfries(ch)e oorkonden; RvdA=Register van den Aanbreng.

Undersyk: Ype Brouwers (generaasjes I -III), Johannes Woudstra (generaasjes I en fierder + ynformaasje Palsma state), yn ’e mande mei Erfgoed Fundaasje.
Wurk yn útfiering – wurdt fuortset. Foar oanfullingen en ferbetteringen sjoch formulier
Sjoch fierder:
-Johannes Woudstra – Skema Siderius-Palsma, side 108– Siderius, de Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum 2002, ISBN 90 9015705 0
-foar gâns foto’s: Fotoalbum Palsma

This genealogy will eventually be translated into English.
Wat is in genealogy?

GENERAASJE I
I Symen Seerps
x
[?] Teets Pieters
Bern:
1 Seerp Symens
, folget II


GENERAASJE II
Seerp Symens ~ grif  Baard 21-1-1672 † Jorwert foar de doop fan syn soan Seerp 19-5-1700; bakker te Hilaard; 
x 1. Easterlittens 3-3-1695 Vrouck Wybrens
x 2 Jorwert 25-12-1696 Claeske Jacobs ~ Hilaard 25-12-1670 † nei 1745, dochter fan Jacob Claessen, húsman te Jorwert, en Antie Fransen. Klaske x 2 foar 1705 Jan Jacobs Tania, berne [Tsjom] om 1675 hinne, boer te Jorwert, Lúns, soan fan Jacob Piers Tania en Grytie Jans;

bern fan Klaske en Jan: Antie Jans ~ Jorwert 11-1-1705.

-Yn 1695 (BAA 47 131) wurdt te Jorwert de neilittenskip beskreaun fan húsman Jacob Claessen op fersyk fan de mearderjierrige Frans, Wytse en Claeske Jacobs en fan Romcke Claessen, húsman te Boksum, as fâd oer Thomas en Claes Jacobs; de earste fjouwer út Jacob syn houlik mei Antie Fransen en de lêste by widdo Grietie Symens. Yn 1698 (BAA 47 177), by skieding mei de widdo, wurdt Claeske beselskippe troch har man Seerp Symens, mr. backer te Hilaard.
-Widdo Claaske Jacobs docht op 14-11-1701 te Jorwert belidenis, stiet op ’e list fan 1702 en is dêrnei fertrokken nei Hilaard. Jan Tania docht belidenis te Jorwert 21-11-1709, is dêrwei ferfearn nei Lúns. Jan Tania en Claeske Jacobs komme mei attestaasje op 16-8-1716 fan Jorwert yn Hilaard. Klaaske stiet dêr as widdo noch op ’e lidmatenlist fan 1745.
-Op 28-4-1696 wurde yn Frjentsjerteradiel Jacob Foppes en Frans Jelles oansteld as fâden oer Jan, 21, en syn broer en susters, bern fan Jacob Piers Tania silger by Grytie Jans.
-Claeske Jacobs is yn 1700 boerinne op pleats 24 fan Jorwert, 101½ pm, en yn 1708 buorket Jan Jacobs Tania dêr; dy is dus by har yntroud. Jan Tania is yn 1718 boer op stim 4 fan Lúns en yn 1728 en ’38 op ’e pastorypleats, stim 5 dêr.

Ut it boask fan Seerp en Klaske: 
1 Jacob Seerps, folget III.1
2 Seerp Seerps ~ Jorwert 19-5-1700.

GENERAASJE III
III.1 Jacob Seerps
~ Hilaard 1-5-1698 † dêr 1788; boer te Boksum;

x 1 foar 1723 Tetje Wopkes ~ Jelsum 22-3-1691, dochter fan Wopke Hendrix, boer te Jelsum en Boksum, en Hiltie Romkes;
Sjoch foar Wopke Hendriks en Hiltie Romkes: Bylage skoanfamylje: Hendrik Wopkes
x 2 (ûndertrou Wurdum 9-3-1760) Rinske Sibrens, widdo fan Sjoerd Jochums; yn 1749 boer te Wurdum ‘met goed reeuw en beslag’.
Ut it houlik fan Rinske en Sjoerd: Aaltje Sjoerds * Wurdum 1-3-1737 ~ op belidenis Britsum 1-9-1782; x 1 (ûndertrou Wurdum 17-12-1758) Watse Klases Nicolay, fan Grou.

-Yn 1718 is Wopke Hendrix boer op stim 2 fan Boksum, 105 pm, yn ’e jierren 1728-’78 syn skoansoan Jacob Seerps en yn 1788 dy syn erven.
-Jacob Sierps en (mei lettere hân) syn frou Rinske steane op ’e lidmatelist fan Boksum fan omstrings 1748 (de namme Rinske sil in oanfulling fan nei 1760 west hawwe). Op ’e list fan 1773: Jacob Seerps en frou Rinske Sybrens. Dy lêste fertrekt as widdo mei attestaasje op 3-5-1789 nei Wurdum en dêrwei op 7-8-1796 nei Britsum.
-Yn 1749 is Jacob Seerps boer te Boksum, húshâlding fan 6 persoanen boppe de tolve, oanslach 67 karg. 7 st.
-Yn 1750 (BAA 70 257v) keapje dhr. Wybe Buma en Rebecca Joukes Jelsma 12 en 2½ pm loslân te Weidum fan Dirk Jans, húsman te Wjelsryp, foar 1600 karg. Jacob Seerps, húsman te Boksum, leit as sibbe fan ’e ferkeaper it near en dat wurdt him gund.
-Yn 1757 (BAA 71 57) keapet Jacob Sjerps, húsman te Boksum, ½ fan 7½ pm loslân te Bears fan Reinder Dirx, mearderjierrich jongfeint te Wjelsryp, as erfgenamt fan syn heit Dirk Jans Piebinga foar 81 goudg. per pûnsmiet.
-Yn 1747 stiet Jacob Seerps te Boksum noteard yn it personele kohier mei in fermogen fan 2000 karg. Dat bliuwt sa o/m 1669. Yn 1770 komt dêr fanwege syn frou de post fan 820 karg. by op fan ’e widdo en erven fan Sjoerd Jochums fan Wurdum. Yn 1774 wurdt de post fan Jacob ferhege nei 2500 karg. (sûnder opjefte fan reden) en dat bliuwt sa o/m 1788.
-Yn 1789 komt de post fan 2500 oan de trije (stagen) erven: Homme Dirks te Boksum fanwege syn frou 1/3, Seerp Jacobs widdo te Jellum fanwege har bern 1/3 en Andele Hendriks en Sytze Hommes fanwege syn frou, beide te Wurdum, 1/3, foar elk 833 karg. 6 st. 12 penjes. De post fan 820 karg. fan de widdo wurdt dan fuort oerboekt nei Wurdum.

Ut it earste houlik:
1 Jetske Jacobs ~ Boksum 8-8-1723
2 Seerp Jacobs ~ Boksum 7-3-1727 † dêr 16-4-1789; yn 1758 en ’68 boer op stim 8 fan Hilaard, 50 pm, yn 1778 op stim 8 fan Jellum, 52 pm.; Sjerp en Jiskje komme mei attestaasje op 3-11-1776 fan Hilaard yn Jellum;
x (tredde prokl. Wommels 16-4-1752) Jiskjen Jobs * Weidum 4-5-1729, dochter fan Job Jentjes en Akke Ulbes (stamâlden Faber).
Ut dit houlik:
 1 Tetje Seerps * Hilaard 1-6-1754
2 Akke Seerps 
* Hilaard 17-6-1760
3 Klaaske Seerps 
* Hilaard 18-3-1764 

4 Jacob Seerps * Hilaard 16-9-1770
3 Hiltje Jacobs * Boksum 1-1-1729;
x (ûndertrou Boksum 29-7-1752) Homme Dirks Kalma ~ Raard 2-4-1724 † Boksum 17-1-1814; boer; soan fan Dirk Karstens, mr. timmerman, en Akke Jetses. Homme Dirks en Hiltje Jacobs steane op de lidmatenlist fan Boksum fan omstrings 1748, sa ek op dy fan 1773.
Bern, */~ te Boksum: Dirk 1753, Jacob ’54, Akke ’57, Jetse ’58, Akke ’61, Seerp ’64, Karsten ’70.
Sjoch: S. Kok-Draijer – Kalma – Het voor- en nageslacht van Dirk Karstes Kalma en Akke Jetzes Wobma – Deel I en II – 1993, ISBN 90-9006206-8
4 Hendrik Jacobs, folget IV.4



GENERAASJE IV
IV.4 Hendrik Jacobs * Boksum omstrings july 1730 † dêr 1783, docht belidenis te Wurdum 4-5-1759; boer op Barhûs Under Wurdum
x Boksum (tredde proklamaasje Wurdum 15-1) 1758) Tjietske Andeles Andringa ~ Wurdum 22-9-1726 † dêr 22-4-1806; 1749 op belidenis oannommen te Wurdum; dochter fan Andle Sjoerds Andringa, boer te Wurdum, en Lysbet Sjoerds.
Sjoch:
-Andringa Stichting – Ype Brouwers – Andringa 3 – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, Feanwâlden, 2016 ISBN  978 90 803 389-0-6
-Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema

-Yn 1758 is Hendrik Jacobs boer op stim 31 fan Wurdum dêr’t yn 1748 Lieuwe Piebes buorket. Dat is Palsma state, súdlikste pleats oan ’e Pikhoarnsterdyk (sûnt omstrings 2015 in soarchbuorkerij). De pleats is foar de helte eigen oan skoanheit Andle Sjoerds. Yn 1768 binne Hendrik Jacobs fanwege syn frou en Sjoerd Andles Andringa eigners fan it hoarnleger, elk de helte. De pleats mjit dan 57 pm: 49 pm fan Hendrik en 8 pm fan Sjoerd. Yn 1778 buorket Hendrik dêr noch en wurdt 82 pm opjûn as grutte fan ’e pleats, yn 1788 is Andle Hendriks hjir boer.
-Hendrik Jacobs ferfangt yn 1758 Lieuwe Pybes as bewenner fan speesjenûmer 2 fan Wurdum, hy hâldt dan 10 kij. Yn 1767 wurdt nr 2 op namme fan Andle Sjoerds erven steld; Hendrik Jacobs komt dan op nr 27 dêr’t earder dat jier Andle Andringa stoarn is, 17 kij. It jier dêrnei stiet it eardere wenplak nr 2 leech en wurdt de skoarstien tichtmitsele.
-Op nr 27 hâldt Hendrik yn 1773 18 kij, yn 1778 22 en yn 1783 noch 14. Jiers dêrop is Hendrik wei en komt Doeitse Broers (Smeding) op ’e pleats.

Ut dit houlik:
Sjoen de neilittenskip fan pake Jacob Seerps moatte alle bern foar 1788 stoarn wêze sûnder bern nei te litten, útsein Andle V.2 en Lysbert junior V.6:

1 Tettje Hendriks * Wurdum 16-1-1759; docht belidenis te Wurdum op 9-5-1779, yn 1783 stiet yn it lidmatenboek fierders dat Tettsje ferstoarn is as ‘jongedochter’ = net-troud, se is lykwols wol boaske
x Wurdum 28-10-1781 Eelse Pieters Hiemstra (ek: Ælse Pyt(t)ers) * Wurdum 11-3-1757 † dêr 29-10-1833, 77 jier; op 1-1-1817 mei syn twadde frou Antsje lidmaat te Wurdum; yn 1811, ’12 keapman te Wurdum, yn 1811, ’12, ’32 dêr boer, by ferstjerren dêr komelker; sn f. Pytter Ælses en Dirkje Gerbens
Ælse x 2 Antje Gerbens Rinsma * Wurdum † dêr 29-10-1834, 70 jier; komelkster te Wurdum, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr f. Gerben Abes en Detje Theunis

Ælse nimt 15-1-1812 de namme Hiemstra oan
Bern út it twadde boask:
1 Gerben Ælses Hiemstra * Wurdum 7-5-1790 † dêr 7-2-1855, 64 jier, hûsnr 155; yn 1811 komelker te Wurdum, by ferstjerren dêr  ‘vleeschhouwer’; wennet mei syn suster Durkje yn hûsnrs 135, 155
2 Durkje Ælses Hiemstra (ek: Dirkje) * Wurdum 3-12-1792 † dêr 6-6-1859, 66 jier, nr 124; naaister tte Wurdum; by ferstjerren sûnder berop; wennet mei har broer Gerben yn hûsnrs 135, 155
3 Pytter Ælses Hiemstra (yn 1811 noch Pytter, letter Pieter) * Wurdum 10-4-1796 ~ dêr 1-5-1796 † dêr 15-3-1885, 88 jier, hûsnr 222; docht op 5-4-1827 belidenis te Wurdum; yn 1822 slachter te Wurdum; letter dêr fjildwachter en kommys (hûsnr 294K)
x Ljouwerteradiel 4-7-1822, 26 en 22 jier, kalfneef en -nicht, Dieuwke Doekes Hellema * Wurdum 12-1-1800 † dêr  11-2-1892, 91 jier; docht op 6-4-1824 belidenis te Wurdum; dr f. Doeke Wygers Hellema, boer en Ryksûntfanger te Wurdum, en Lysbeth Hendriks Palsma (sjoch hjirûnder IV.4.6)
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hellema
4 Detje Ælses Hiemstra * Wurdum 1799 † dêr 8-1-1848, 48 jier, hûsnr 135; docht 18-4-1839 belidenis te Wurdum; komelkerske te Wurdum
x Ljouwerteradiel 8-5-1839, 39 en 35 jier, Tjeerd Lieuwes de Graaf * Marsum omstrings 1804 † Wurdum 1-8-1845, 41 jier, hûsnr 135; yn 1827, ’29 arbeider te Jorwert; yn 1829, ’39 arbeider te Wurdum, yn 1840, ’44 dêr komelker, by ferstjerren dêr boer; sn f. Lieuwe Tjeerds de Graaf, gernier te Marsum (hûsnr 11), en Jetske Meintes Sixma (ek: Jitske; en: Siksma)
Tjeerd x 1 Baarderadiel 22-8-1829, 25 en 24 jier, Sytske Minnes Faber * Swichum omstrings 1805 † Wurdum 17-12-1829, 24 jier, hûsnr 120; DG; by x boerefaam te Wurdum; dr f. Minne Jans Faber, arbeider te Swichum en Wurdum, yn 1819 húsman te Tytsjerk, en Antje Heins de Vries 

Ælse is yn 1832 te Wurdum eigner fan (Minútplan Wurdum B1 Seksje B Lizzer 73):

Perseelnr. Yn gebrûk as Oerflakte m² Klasse Belesting
449 Greide 9720 3  
533 Hûs en hiem 150 1 27
534 Hôf 960

Sjoch foar in Nijjierslokwinsk fan him: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hellema
2 Andle Hendriks Palsma, folget V.2
3 Lysbet Hendriks ~Wurdum 10-10-1762
4 Klaaske Hendriks ~ Wurdum 11-3-1764
5 Dieuke Hendriks ~ Wurdum 9-8-1765
6 Lysbert Hendriks Palsma * Wurdum 19-3-1767 † dêr op Barhûs 13-4-1810 (oan wettersucht) [] Wurdum; docht dêr belidenis 7-5-1790;
x 1 Wurdum 11-2-1787 Sytse Hommes (Rypma) † Wurdum 20-6-1795, dêr op belidenis oannommen 6-5-1781; sn f. Homme Sytses Rijpma en Ymkje Jans; widner fan Baukje Hessels;
x 2 Wurdum 27-5-1796 Doeke Wygers Hellema * Wânswert 3-4-1766 † Wurdum op Barhûs 7-12-1856 [] Wurdum; grêfstien ferpleatst fan bûten yn ’e tsjerke te Wurdum. Skoalmaster te Grou (1778), Wânswert (1781) en Wurdum (1792); fan 1819 oant syn dea boer op Barhûs. Alderling en organist Wânswert en tsjerkfâd 1827-1856 Ned. Herf. Tsjerke Wurdum; gritenijûntfanger (oant 1816); ryksûntfanger belestings 1805-1838. Mei-oprjochter en kommisaris O.B.A.S. (Onderlinge Brand Assurantie Maatschappij). Sekretaris folkssosjeteit (1795), arbeidzjend lid Friesch Genootschap; deiboekskriuwer; skriuwer fan pleatslike skiednis, libbensskets, ensfh.
Doeke x 2 Wurdum 2-5-1813 Dieuwke Klazes Nicolai * Wurdum 4-2-1792 † op Barhûs 25-10-1850 [] Wurdum; dr f. Klaas Roelofs Nicolai, boer op Leienburch ûnder Ljouwert en op De Him ûnder Wurdum, en fan Akke Douwes Snoek
Sjoch:
– Doeke Wijgers Hellema 1766-1856 – De website van voorouders!

-Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hellema
7 Jacob Hendriks ~ Wurdum 25-2-1770.

Moaiskriuwerij’ fan Lysbet Hindriks Palsma (V.6) as se tsien jier is, 23 juny 1777. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Hettema-Hellema

palsma14

palsma33palsma45

GENERAASJE V
V.2 Andele Hendriks Palsma
~ Wurdum 24-8-1760 † Barhûs ûnder Wurdum 15-2-1842, 81 jier; docht belidenis te Wurdum op 29-4-1785; boer op stim 39 fan Wurdum; assessor (=wethâlder) fan Ljouwerteradiel, tsjerkfâd;
x Wurdum 21-10-1787, hy fan Wurdum, sy fan Froubuorren,
Grytje Jans Siderius * Froubuurt 10-3-1765 ~ 31-3-1765 † Barhûs ûnder Wurdum 18-5-1841; dr f. Jan Dirks Sideriushúsman onder Froubuurt, nr 16; 1789-1801 kerk- en aarmfoogd; kommitteerde fan ’e Bildtpôln, en Jannigje Arjens 
Andele neamt him PALSMA nei Palsma state ûnder Wurdum dy’t Gryt fia har heit erfd hat fan har beppe Gryt Doekes Rinia
Bern:
1 Hendrik Andeles Palsma, folget VI.1
2 Jannigje Andeles Palsma * Wurdum 14-2-1790 ~ dêr 7-3-1790 † dêr 29-5-1836, 46 jier
x Wurdum 23-4-1809, 19 en 22 jier, sy fan Wurdum, hy fan Raard, Jan Dirks Valkema * Raard (Raarderhim) 30-12-1786 † Wytgaard 30-11-1877, 90 jier; boer te Wurdum; sn f. Dirk Wouters Valkema, boer te Raard, en Hendrikje Thomas Dotinga
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Hettema kronyk en Stambeamke Hettema
3 Jan Andeles Palsma * Wurdum 4-2-1791 ~ dêr 27-2-1791 † Froubuurt 5-8-1863; boer te Froubuurt; kerk- en aarmfoogd; wethouwer fan ’t Bildt
4 Tjitske Andeles Palsma * Wurdum 25-5-1792 ~ dêr 17-6-1792
5 Jacob Andeles Palsma
, folget VI.3
6 Tjitske Andeles Palsma
* Wurdum 14-1-1795 ~ dêr 1-2-1795 † Raard (Rdh.) 29-3-1865, 70 jier; docht 3-5-1818 belidenis te Raard; boerinne te Raard
x Ljouwerteradiel 29-5-1814, 24 en 19 jier, Doeke Dirks Valkema * Raard 10-9-1790 ~ dêr 19-9-1790 † dêr 18-5-1849, 58 jier; docht yn 1815 belidenis te Raard; boer te Raard; assessor fan Raarderhim; sn f. Dirk Wouters Valkema, boer te Raard, en Hendrikje Thomas Dotinga

7 Antje Andeles Palsma * Wurdum 13-1-1797 ~ dêr 12-2-1797
8 Antje Andeles Palsma * Wurdum 19-7-1799 ~ dêr 11-8-1799 † dêr 4-3-1864, 64 jier; by ferstjerren boerinne ûnder Wurdum;
x Ljouwerteradiel 12-5-1821, beide 22 jier, Hotze Bontjes Meintema * Mantgum 15-8-1798 ~ dêr 19-8-1798 † Wurdum 17-7-1857, 58 jier; by x boer te Mantgum, yn 1835 te Skillaard; sûnt 1836 boer te Reduzum, yn 1849 noch; yn 1852, ’56, ’57 boer ûnder Wurdum; sn f. Bontje Meintes Meintema, boer te Mantgum en Skillaard, en Antje Jentjes Siderius
9 Arjen Andeles Palsma * Wurdum 13-1-1802 ~ dêr 7-2-1802
10 Arjen Andeles Palsma * Wurdum 14-9-1803 ~ dêr 2-10-1803
11 Dirk Andeles Palsma, folget VI.4

Te Wurdum komme twa pleatsen foar mei de namme Palsma:
-Palsma sate, Piskhoarnsterdyk 1, Wurdum – stim 31
-Palsma State: Noardein 4, Wurdum – stim 39
Hjirûnder in oersicht fan ’e pleatsen fan Grietje Doekes Rinia en har bruorren.

Yn 1728 binne eigners en brûkers fan ’e folgjende pleatsen ûnder Wurdum:
-stim 29 (floreennûmer 72) – eigners: Syger, Jan en Grietje Doekes Rinia: 1/2 part, Douwe Jans en frou ¼ en Abr. Jurjens en frou ¼; brûker: Olphert Gatses
-stem 39 (floreennûmer 71) – eigners: idem; brûker: idem
-stim 63 (floreennûmer 94) – eigners sawol as brûkers: Syger, Jan en Grietje Doekes Rinia
-stim 37 (floreennûmer 70) – eigners sawol as brûkers: Syger, Jan en Grietje Doekes Rinia.

Yn ’e Prekadstrale atlas komme de boppesteande pleatsen ynklusyf de Piskhoarnsterdyk 1 foar:
Floreenkohier 1700
nr 29/72, 33 pm. – eigner en brûker: widdo Tjalling Tiaards
nr 39/71, 56 pm. – idem
nr 63/94, 20 pm. – eigner: widdo Tjalling Tiaards en Duco Jans; brûker: Laas Dirks
nr 37/70, 101 pm. – eigner: J.L. van Doijs en frou; brûker: Tiaard Zannes
nr 31/173, 49 pm. – eigner: Willem Verruci; brûker: Pieter Sypts
Stimkohier 1640/1698
nr 29/72 – eigner: Syouck Diorres; brûker: Dirck Sjoerds
nr 39/71 – eigner: Sicke Palma; brûker Tiaard Tialles
nr 63/94 – eigner: 1698 widdo Coeltis; brûker: Laas Dirks
nr 37/70 – eigner: Houwerda; brûker: Wob Iges Siccama
nr 31/173 – eigner: Glinstra; brûker: Jan Claesen.

Yn De tegenwoordige staat van Wirdum fan Doeke Wygers Hellema wurde de pleatsen sa beskreaun:
nr 29/72, side 17 nr 10 (net alheel wis) – eigner: Dirk Klazes Terpstra; brûker: syn broer Anne Klazes Terpstra
nr 39/71, side 17 nr 11 – neamd Palsma state, hjoeddedei Noardein 4  eigner: Andele Hendriks Palsma en frou; brûker: syn soan Hendrik Andles Palsma
nr 63/94, side 20 nr 21 – eigner en brûker widdo Tæke Doekes Roorda (sjoch: Sideriusboek, side 534)
nr 37/70, side 18 nr 13 – eigner: Andele Hendriks Palsma en frou, waarvan 50 pm denzelven onlangs bij erfenis aangekomen en de overige ½ benevens de huizinge en schuur aangekocht voor 25000 gl. Bewoond en gebruikt door schoonzoon Jan Dirks Valkema
nr 31/173 – ek neamd Palsma sate – eigner en brûker: Andele Hendriks Palsma.
Mooglik hat Andele Hendriks Palsma sels earst op stim 39 buorke en doe de namme Palsma oannommen, dy’t letter oergong op stim 31.


GENERAASJE VI
VI.1 Hendrik Andeles Palsma * Barhûs ûnder Wurdum 22-1-1788 ~ Wurdum 10-8-1788 † Menaam 17-9-1826 [] Bitgum, wierskynlik rigel 16, grêf 8; boer op Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole; tsjerkfâd te Bitgum; kommitearde earmfâdij Bitgum;
x Wurdum 26-8-1810 Metje Louws Osinga * Grut Fellingwurd Menaam ûnder Bitgum 2-1-1792 ~ 11-3-1792 † dêr 24-2-1856 [] Bitgum 28-2-1856, rigel 16, grêf 7; boerinne op Lyts Aysma; dr f. Louw Arjens Osinga; boer op Grut Fellingwurd op Fjouwerhûs ûnder Menaam; gemeenteriedslid en wethâlder fan Menameradiel; earmfâd en kommitearde gemeentlike earmfâdij te Bitgum, en Saapke Johannes
Metsy x 2 Menameradiel 25-3-1829 Marten Ouwes de Boer * Furdgum 1804 † Bitgum 30-5-1869 [] Bitgum, rigel 16, grêf  8; boer op Lyts Aysma
Bern:
1 Louw Hendriks Palsma, folget VII.1
2 Jan Hendriks Palsma
, folget VII.2

Bertepleats fan Metsy Louws Osinga, Grut Fellingwurd op Fjouwerhûs (nr 1) ûnder Menaam. Foto: Lucht Foto Nederland


Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole, hjir buorkje Hindrik Andeles Palsma en Metsy Louws Osinga.
Foto: Lucht Foto Nederland


GENERAASJE VII
VII.1 Louw Hendriks Palsma
* Wurdum 26-10-1812 † Easterlittens 13-12-1876, 64 jier; by trouwen arbeider te Bitgum; gernier te Wurdum; 1839-1876 boer op Adema state op Skrins 1 ûnder Easterlittens (Littens nr 12, letter 21, 74 pûnsmiet); yn 1845 diaken, yn 1860 âlderling te Littens; 1862-1876 dêr tsjerkfâd 
x Menameradiel 15-8-1838, 25 en 22 jier, Tietje Pieters Siderius * St.-Anne 5-6-1816 † Easterlittens  23-2-1901, 84 jier; 1876-1878 as widdo boerinne op Adema state; dr f. Pieter Everts Siderius, boer te St.-Anne, en Tjitske Broers Dijkstra
Tietje Pieters Siderius en Louw Hendriks Palsma. Kolleksje Hoekstra-Hoitsma, St.-Jabik:

As Louw en Tytsje op Adema state buorkje – de earsten fan trije generaasjes Palsma – wurdt de pleats yn 1847 folslein ferboud, yn 1861 wurdt it lytshûs oanboud. De pleats beslacht fanâlds 74 pûnsmiet; earste kadaster nr C 458; oare perseelnrs neffens it floreenkohier 1858: C 397, 428, 429, 430, 431, 432, 454, 455, 456, 457, 459 en 482.

Boarne û.o.: Jolt Oostra Rzn – Uit de geschiedenis van Oosterlittens – Toponymy fan Easterlittens, Van der Eems, Easterein, 1985.
Bern:
1 Hendrik Louws Palsma, folget VIII.1
2 Pieter Louws Palsma * Easterlittens 16-5-1841 † dêr 4-2-1842, 8 moanne
3 Pieter Louws Palsma * Easterlittens 1-2-1843 † dêr 16-10-1879, 36 jier; by ferstjerren sûnder berop te Easterlittens
4 Mettje Louws Palsma * Easterlittens 22-7-1845; emigreard nei de USA;
x Baarderadiel 16-5-1866, beide 20 jier, Rients Sytses Kamstra * Easterlittens 1846; fellebleater te Baard; sn f. Sytse Rientses Kamstra, 1856-1860 boer op Æsgema state (Littens nr 3, letter neamd Peyma state) op Wiûwens 4 ûnder Littens; 1854-1872 tsjerkfâd, en Trijntje Pieters Siersma
5 Tjitske Louws Palsma * Easterlittens 2-5-1848 † Huzum 17-6-1924, 76 jier
x Baarderadiel 8-5-1872, 24 en 26 jier, Andele Melles Smeding * Wurdum 1846; sn f. Melle Andries Smeding en Saapke Hendriks Palsma 
Palsma Tjitske
Tjitske Palsma en Andele Smeding. Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Hoekstra-Hoitsma


Borduersel fan Tsjitske Louws Palsma, makke yn 1872. Jezus en de Samaritaanske frou. Kolleksje Piet Goffe Hoitsma

6 Grietje Louws Palsma * Easterlittens 16-1-1851 † Huzum 18-3-1918, 67 jier
x Baarderadiel 10-5-1873, 22 en 28 jier, Riemer Sybrens van der Meulen * Easterlittens 1845; by trouwen sûnder berop, 1874-1900 boer op syn âlderspleats op Wammert (Littens nr 15, 63 pûnsmiet); tsjerkeriedslid, 1892-1899 tsjerkfâd, sn f. Sybren Riemers van der Meulen, 1837-1874 boer op Wammert, tsjerkeriedslid, 1845-1881 tsjerkfâd, en Geertje Aans de Wal; gjin bern

7 Geertje Louws Palsma * Easterlittens 30-8-1853 † dêr 3-12-1893, 40 jier
x Baarderadiel 15-5-1875, 21 en 20 jier, Symon Hylkes Reisma * Bitgum 29-8-1854 † dêr 7-7-1896, 44 jier, [] Bitgum, rigel 30, grêf 12; Symen hat op 24-4-1874 as ramplesant foar de militêre tsjinst Jan Buwalda fan St.-Anne; Symen wurdt om 1874 hinne learling gruthannel neamd; hy komt op 9-5-1874 út Bitgum yn Littens; by trouwen sûnder berop te Bitgum, yn 1875, ’82 idem te Easterlittens (hûsnrs 4, 12,14); stiet yn 1894 ûnder kuratele fan syn heit; sn f. Hylke Symons Reisma, timmerman, arsjitekt en gemeente-arsjitekt te Bitgum, en Rinske Pieters Siderius
Dochter: Tietje Reisma (Tiete) * Easterlittens 3-2-1882 † Ljouwert, Ferlingde Skrâns 33, 22-2-1952, 70 jier, [] Huzum; ferfart op 9-4-1894 as wees nei har pake Hylke en syn twadde frou Neeltje Bruin te Bitgum (hûsnr 127 bûten); Tiete ferfart op 15-8-1899 dêrwei nei Huzum (B hûsnrs û.o. 135, 154); earelid Griene Krús Huzum-Lekkum-Miedum 
Ljouwerter Krante, 5 en 8-12-1893, Geartsje har skoanâlden litte in rou-advertinsje sette, Symen is sa’t skynt net by steat


Roubrief fan Tietje Simons Reisma. Kolleksje Hoekstra-Hoitsma, St.-Jabik:

8 Houkje Louws Palsma
* Easterlittens 2-10-1856 † Súdlaren 22-1-1927, 70 jier; by trouwen sûnder berop te Easterlittens; ferhuzet Alde Maaie 1878 nei Winsum; ferhuzet 1-4-1902 nei Súdlaren; ferfart 31-5-1902 út Huzum (hûsnr B149) nei Súdlaren, har dochter Tætske (* Winsum 7-5-1886) ferhuzet dan nei Winsum; komt 20-5-1904 út Huzum yn Winsum (hûsnrs 108, 174); Houkje ferhuzet 11/16-9-1913  dêrwei wer nei Huzum (hûsnr E 14); se ferfart 13-10-1915 nei Dennenoord, Súdlaren; se komt 17-10-1916 yn te wenjen by de widdo S. Reisma (=har suster Geertje) te Aldtsjerk (nr 68); se ferfart dêrwei op 6-4-1920 nei it gesticht yn Súdlaren; wennet by ferstjerren yn Tytsjerksteradiel, hat it adres fan Geartsje blykber oanhâlden as wenadres;

x Baarderadiel 1-5-1878, 21 en 27 jier, Eelke Yebs Dijkstra * Sweins 23-5-1850 † Winsum 25-4-1901, 50 jier; greidboer te Winsum (hûsnrs 23, 10); sn f. Yeb Klazes Dijkstra en Tætske Eelkes Poelstra, yn 1845, ’50 boeren te Sweins, hy yn 1852 keapman te Dronryp, yn 1854, ’55 boeren te Winsum (hûsnr 25), idem yn 1867 wer te Sweins; 3 bern

VII.2 Jan Hendriks Palsma * Wurdum 26-11-1817 † 29-9-1856, 38 jier; yn 1842, ’43, ’54, ’55, ’56 bakker te Bitgum
x Menameradiel 26-5-1843, 25 en 26 jier, Hendrika Heerkes Dijkstra * Berltsum 13-10-1816 † dêr 26-3-1882, 65 jier; yn 1870 sûnder berop te Berltsum, yn 1875 dêr gernierske; dr f. Heerke Willems Dijkstra, ryksûntfanger te Berltsum, en Yttje Hendriks van der Meer
Bern:
1 Hendrik Jans Palsma, folget VIII.2
2 Heerke Jans Palsma, folget VIII.3
3 Andele Jans Palsma, folget VIII.4
4 Yttje Jans Palsma * Bitgum 14-3-1852 † Berltsum 14-1-1867, 14 jier
5 Mettje Jans Palsma * Bitgum 7-1-1854 † Wierum (Grinslân) 15-10-1927 [] Wierum (Grinslân); by x sûnder berop te Berltsum
x Menameradiel 9-10-1884, 30 en 29 Sytze Wybrens Jorritsma * Wolsum 11-10-1854 † Wierum (Grinslân) 18-3-1925; by x sûnder berop te Kubaard; letter boer te Wierum, ’t Hoge Lând, Grinslân; sn f. Wybren Jorrits Jorritsma, boer te Kubaard, en Trijntje Rommerts Tacoma
6 Geertje Jans Palsma * Bitgum 1-10-1855 † Huzum 10-2-1940, 84 jier; by x sûnder berop te Berltsum
x Menameradiel 11-10-1883, beide 28 jier, Rienk Johannes van der Ley * Hijum 15-4-1855 † Huzum 17-12-1936, 81 jaar; rogge- en pelmolner te Froubuurt; sn f. Johannes Jans van der Ley, in 1842 boer te Froubuurt, in 1851 te Hallum, in 1853, ’55 te Hijum, in 1883 rogge- en pelmolner te Froubuurt, en fan Janke Gerrits Postma

GENERAASJE VIII
VIII.1 Hendrik Louws Palsma * Bitgum 9-6-1839 † Ljouwert 10-8-1908, 69 jier; by syn trouwen te Easterlittens; sûnt boer op Hoitinga state ûnder Winsum; 1878-1906 boer op syn âlderspleats Adema state op Skrins ûnder Easterlittens (de pleats wurdt yn 1905 troch de lânhearre ferkocht); 1887-1890 tsjerkfâd te Littens
x 1 Baarderadiel 24-5-1862, 22 en 20 jier, Pietje Rintjes Boersma * Wommels 7-12-1841 † Easterlittens 18-7-1905, 63 jier; dr f. Rintje Klazes Boersma, boer te Wommels, en Antje Sjoerds de Jong

x 2 Ljouwert 10-5-1906, 66 en 51 jier, Johanna Alberdina Kremer * Emmen 11-3-1855 † De Jouwer 8-1-1928, 72 jier; yn 1874 sûnder berop te Wommels; rinteniert mei har earste man sûnt 20-5-1902 te Easterein (nr 4); ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1903 nei Wommels (nr 68); ferhuzet dêrwei op 10-5-1905 nei Ljouwert; ferfart dêrwei op 29-5-1913 nei Huzum; idem dêrwei op 6-3-1916 nei Ljouwert (Nijstêd G56boppe, Schalk Burgerstrjitte Y28); ferhuzet dêrwei op 30-4-1918 nei Den Haach; húshâldster op ’e Jouwer by har lettere tredde man; dr f. Hendrik Victor Kremer, yn 1855 rykskommys te Emmen, yn 1868 idem te Odoorn, sûnt 28-3-1868 idem te Wommels, yn 1870 te Akkrum, sûnt Alde Maaie 1870 wer te Wommels, en Sijgjen Mesken (ek: Sijgien, Sijgje)
Johanna x 1 Hinnaarderadiel 15-7-1874, 51 en 19 jier, Hugo Martinus Laurman Wassenaar * Wier 15-2-1823 † 5-12-1902, 79 jier; 1850-1856 Nederlâns Herfoarmd dûmeny te Wervershoof, 1856-1900 idem te Wommels (nr 168), sûnt 20-5-1900 rintenier te Easterein (nr W4K); sn f. Reinder Jan Philippus Wassenaar, 1815-1859 dûmeny te Wier (nrs 144, 168), en Aaltje Hugo Martinus Laurman
Sjoch: W.Tsj. Vleer, De Friese Wassenaars, W.Tsj. Vleer en Het Wassenaar-Comité, Laverman N.V., Drachten, 1963, side 342

Johanna x 3 Haskerlân 24-6-1925, 70 en 65 jier, Freerk Freerks Postma * Langwar 12-3-1860 † De Jouwer 20-10-1946, 86 jier; by syn earste boask arbeider op ’e Jouwer, twadde houlik dêr fabryksarbeider; sn f. Freerk Freerks Postma, yn 1854 arbeider te Langwar, yn 1856 te Ousterhaule, yn 1858 wer te Langwar, yn 1865 te Sniksweach, yn 1870 idem op ’e Jouwer, yn 1882 dêr skipper, en Ytje Popkes Bakker
Freerk x 1 Haskerlân 13-8-1882, 22 en 28 jier, Trijntje Sjoukes Pool * Boppeknipe 26-6-1854 † De Jouwer 30-8-1924, 70 jier; by trouwen sûnder berop op ’e Jouwer; dr fan Sjouke Wiebes Pool, yn 1848 timmerfeint te Drachten, yn 1849 idem yn It Mar, yn 1851, ’54, ’62 idem te Boppeknipe, yn 1882 timmerman Underknipe, en Jantje Hendriks Hielkema, (ek: Hylkema, Hijlkema; tekenet sels de trou-akte mei: Hielkema), yn 1848 arbeidster te Boppeknipe

Hendrik Louws Palsma

Hendrik Louws Palsma.
Hindrik en syn twadde frou gean op 1-5-1906 op besite by har soan Louw yn Amearika. Hindrik skriuwt syn belibbenissen oer dy reis op yn 29 ferslaggen en dy wurde publiseard yn ’e Hepkema’s Krante; op termyn komme dy hjir as bylage by dizze stambeam

Pietje Rintjes Boersma
Pietje Rintjes Boersma

Bern út it earste houlik:
1 Tietje Hendriks Palsma * Winsum 7-11-1863 † Easterlittens 3-7-1883, 19 jier
2 Antje Hendriks Palsma (Anne) * Winsum 3-1-1865 † Frjentsjer 31-12-1945, 80 jier
x Hinnaarderadiel 9-5-1885, 20 en 24 jier, Albert Jans Algera * Itens 24-10-1860 † Frjentsjer 14-11-1946, 86 jier; yn 1886, ’87 slachter te Easterein; 1890, ’92, ’97 arbeider te Easterlittens; yn 1918 komelker te Kubaard, yn 1919 dêr greidboer; sn f. Jan Alberts Algera, boer te Itens, en Akke Foekes Wynia
Bern:
1 Jan Alberts Algera * Easterein 19-1-1886 † dêr 30-1-1888, 2 jier
2 Pietje Alberts Algera * Easterein 24-4-1887; ferfart yn 1907 nei de U.S.A.;
x Springfield U.S.A. Gauwke Klazes van Lingen * Kollum 24-11-1881 † Springfield [?] -12-1945; sn f. Klaas Tækes van Lingen, yn 1877 arbeider te Westergeast, yn 1881 te Kollumersweach, en Aaltje Jans Kloosterman
3 Jan Alberts Algera
* Easterlittens 19-4-1890 † 3-2-1963 [] Britswert; by trouwen arbeider te Boazum, letter te Britswert;

x Baarderadiel 11-5-1918, 28 en 25 jier, Trijntje Landstra * Britswert 5-12-1892 † 29-4-1970 [] Britswert; by trouwen naaister te Britswert; dr f. Uiltje Sjoerds Landstra, arbeider te Britswert, en Sjoerdtje Wybes Althuisius
dochter: Sjoerdtje Jans Algera * Britswert 29-3-1920; x Baarderadiel 27-7-1948 Jacob Annes Schaper * Koudum 8-4-1920; sn f. Anne Jacobs Schaper en Wiepkje Wessels Schram
4 Hendrik Alberts Algera * Easterlittens 6-2-1892 † dêr 20-8-1892, 6 moanne
5 Akke Alberts Algera * Easterlittens 3-3-1896 † Frjentsjer 17-7-1983 [] Hitsum;
x Hinnaarderadiel 14-5-1919, 30 en 23 jier, Jellird Ruurds Wynia (ek: Jeljer) * Lytsewierrum 22-9-1888 † Hitsum 9-7-1970 [] Hitsum; arbeider te Ysbrechtum, by trouwen te Hinnaard, letter te Iens; sn f. Ruurd Gerrits Wynia, yn 1892 boer te Lytsewierrum (nr 33), letter arbeider te Lytsewierrum en Easterein; yn 1901 te Offenwier, en Hiske Jans Algera
6 Hendrik Alberts Algera * Easterlittens 8-7-1897 † dêr 11-6-1898
7 libbenleas famke *† Easterlittens 20-4-1899
8 Tietje Alberts Algera * Hidaard 15-11-1901 † 9-9-1985 [] Frjentsjer, algemien begraafplak;
x Hinaarderadiel 27-5-1927 Thomas Durk Visser * Frjentsjer 8-12-1902 † 16-1-1990 [] Frjentsjer, algemien begraafplak; sn f. Thomas Dirks Visser en Akke Tamminga
9 Henderika Alberts Algera * Kubaard 20-10-1909;
x Hinnaarderadiel 15-5-1936 Pieter Sakes van der Kloet * Gruttegast 29-9-1908; sn f. Sake Pieters van der Kloet en Tetje Kuipers
Sjoch: R.S. Roarda – It Algera-Algra Skaei, Fedde Dykstra, Ljouwert, 1956

Jan Algera, Antje Hendriks Palsma, Pietje Algera, Akke Algera, Albert Jans Algera

3 Louw Hendriks Palsma * Winsum 28-3-1866 † dêr 5-5-1866, 1 moanne
4 Akke Hendriks Palsma * Winsum 12-9-1867 † nei har man
x Baarderadiel 9-5-1888, 20 en 28 jier, Tjerk Cornelis Boonstra * Britswert 7-1-1860 † Ljouwert 15-4-1932, 72 jier; by trouwen sûnder berop te Wiuwert; yn 1889, ’91 dêr greidboer; yn 1892, ’93, ’94, ’96, ’98, 1904, ’o5 greidboer te Skillaard; yn 1896 te Easterlittens, 1916-1921 op Wammert (Littens nr 15); yn 1899 te Mantgum; sn f. Kornelis Tjerks Boonstra, boer te Britswert en Wiuwert, en Ruurdje Cornelis Bakker
Bern:
1 Kornelis Boonstra * Wiuwert 28-5-1889; boer te Skillaard, Wiuwert, Ljouwert, Mantgum en Los Angeles, Californië, U.S.A.;
x Hinnaarderadiel 23-5-1929 Hitje Heins Jaarsma * Koudum 27-11-1905 † La Palma Orange, Californië; dr f. Hein Wybes Jaarsma en Sjoukje Klazes Bajema

2 Hendrik Boonstra * Wiuwert 2-2-1891 † dêr 28-1-1894, 2 jier
3 Tietje Boonstra * Skillaard 5-4-1892 † 25-10-1977, 85 jier [] Jellum;
x Baarderadiel 8-5-1919 Sibbele Hendriks Kingma * Jellum 7-9-1891 † 24-10-1975, 84 jier, [] Jellum; boer te Jellum; sn f. Hendrik Jurjens Kingma en Itje Rimmers de Vries

Tette Tjerks Boonstra
Tette Tjerks Boonstra

4 Tette Boonstra * Skillaard 7-5-1893
5 Hendrik Boonstra
* Skillaard 28-5-1894 † 24-1-1962, 66 jier [] Jorwert; by x fan boerebedriuw te Easterlittens;
x Baarderadiel 8-5-1918 Sjoerdtje Libbes Groustra * Jorwert 28-6-1895 † 2-2-1964, 50 jier; dr f. Libbe Gerbens Groustra en Tietje Baukes Kuindersma

5 Jan Boonstra * Skillaard 12-1-1896 † 21-3-1967, 71 jier, [] Wommels; by x fan boerebedriuw te Easterlittens; dir. LAB-Leeuwarder Auto Bedrijf (mei-direkteur is syn oantroude neef Hessel Pols, sjoch IX.1.1)
x Baarderadiel 8-5-1919 Martje Jans Visser * Easterlittens 19-5-1898 † 3-10-1981, 83 jier [] Wommels; dr f. Jan Klazes Visser en Æbeltje Jans Klijnstra

6 Pietje Boonstra * Skillaard 15-1-1898; wennet te Skillaard, Ljouwert, Easterlittens en Apeldoarn
7 Bontje Boonstra * Mantgum 2-10-1899; wennet te Skillaard, Ljouwert en New York
8 Ruurdtje Boonstra * Skillaard 23-11-1901;
x Ljouwert 6-12-1927 Adriaan Willem Jaarsma * Havelte omstrings 1902; tsiishanneler te Huzum; sn f. Adriaan Willem Jaarsma en Aaltje Jans Bouwma

9 Pieter Boonstra * Skillaard 30-7-1904
10 libbenleas bern *† Skillaard 1913

Akke Hendriks Palsma, Tjerk Cornelis Boonstra
Akke Hendriks Palsma en Tjerk Cornelis Boonstra

5 Mettje Hendriks Palsma * Winsum 28-12-1868 † Súdlaren, wenjend te Winsum, 1-1-1952, 83 jier
x Baarderadiel 21-5-1890, 21 en 24 jier Jentje Jans Wiersma * Wiuwert 28-10-1865 † dêr 11-12-1944, 79 jier; feekeapman te Wiuwert; sn f. Jan Sybrens Wiersma, feekeapman te Wiuwert, en Antje Wybes Schaafsma
Sjoch:
Genealogy Wiersma
-foar gâns foto’s famylje Wiersma: Fotoalbum Palsma

Jentje Jans Wiersma
Jentje Jans Wiersma
Mettje Hendriks Palsma
Mettje Hendriks Palsma

6 Louisa Hendriks Palsma * Winsum 8-6-1870 † Britswert 25-3-1905, 34 jier
x Baarderadiel 21-5-1894, 24 en 25 jier, Bouwe Riemers van Kammen * Britswert 28-3-1869 † dêr 28-2-1945, 75 jier; by trouwen en yn 1897, ’98 bakkersfeint te Britswert (by syn heit tink), yn 1902, ’20, ’23 dêr bakker; sn f. Riemer Rienks van Kammen, bakker te Britswert, en Grietje Bouwes van der Meulen
Bern:
1 Grietje van Kammen * Britswert 6-1-1897; x Baarderadiel 27-10-1920 Auke Pieters Foppema, by x timmerman te Wormerveer
2 Pietje van Kammen * Britswert 25-11-1898; Baarderadiel 2-5-1923 Gerben Aans Algera, greidboer te Bears
3 Geertje van Kammen * Britswert 17-1-1902 † dêr 3-3-1903, 1 jier
4 Riemer van Kammen * Britswert 4-3-1905

Bouwe Riemers van Kammen
Bouwe Riemers van Kammen
Louïsa Hendriks Palsma
Louïsa Hendriks Palsma

7 Louw Hendriks Palsma, folget IX.1
8 Grietje Hendriks Palsma * Winsum 6-8-1876 † Tytsjerksteradiel 14-5-1954, 77 jier; by x sûnder berop te Miedum
x Baarderadiel 13-5-1899, 22 en 28 jier, Hilbrand Rintjes Boschma * Nijlân 19-2-1871 † Tytsjerksteradiel 12-7-1955, 84 jier; by trouwen en yn 1900 sûnder berop te Tearns; yn 1902 bierhûshâlder te Gytsjerk; wennet yn 1905 te Boazum; yn 1908, ’23 greidboer te Miedum; sn f. Rintje Hilbrands Boschma, greidboer te Folsgeare, Parregea, yn 1881 te Nijlân, giet yn 1887 nei Wurdum, en Grietje Lambertus Hilarides
Bern:
1 Grietje Boschma * Tearns 12-3-1900; x Ljouwerteradiel 12-5-1923, 23 en 25 jier, Sjouke Pieters Sinnema * Frjentsjer 27-2-1898; bouboer te Frjentsjer en Rie; sn f. Pieter Sjoukes Sinnema, bouboer te Frjentsjer, en Tietje Annes Anema; dochter: Grietje Sinnema, sjoch oarlochsferline
2 Pietje Boschma * Gytsjerk 26-7-1902

Hilbrand Rintjes Boschma
Hilbrand Rintjes Boschma
Grietje Hendriks Palsma
Grietje Hendriks Palsma

9 Geertje Hendriks Palsma * Winsum 16-9-1878
x Baarderadiel 11-5-1904, 25 en 31 jier, Johannes Pieters de Boer * Weidum 14-3-1873; boer te Nijlân (de pleats yn Nijlân is ôfbaarnd, dêrby is ek in famylje-argyf yn ’e flammen opgongen); sn f. Pieter Jans de Boer, boer te Weidum (hierder fan in Bumapleats, fuortby it Bumatsjerkhôf), en Geertje Johannes Gosliga
10 Pieter Hendriks Palsma, folget IX.2
11 Rintje Hendriks Palsma, folget IX.3 

VIII.2 Hendrik Jans Palsma * Bitgum; by trouwen gernier te Berltsum;
x Menameradiel 27-2-1873, 28 en 24 jier, Dieuwke Gerrits Nauta * St.-Jabik; by trouwen sûnder berop te St.-Jabik; dr fan Gerrit Pieters Nauta en Sjieuwke Annes Wassenaar, bouboeren te St.-Jabik

VIII.3 Heerke Jans Palsma * Bitgum 9-4-1846 † dêr 4-10-1909, 63 jier; foar syn trouwen bakker te Seisbierrum. sûnt te Bitgum
x Menameradiel 22-9-1870, 24 en 23 jier, Tietje Jans Bruinsma * Seisbierrum 15-11-1846 † Bitgum 17-2-1893, 46 jier; dr f. Jan Feikes Bruinsma, boer op ’e Tsjummearumer Mieden, sûnt 1846 eigenerfd boer op Liauckama state Seisbierrum, earmfâd, en fan Aaltje Seerps Anema
Sjoch:
Familiepraat:
Palsma-Bruinsma
Erfgoed Fundaasje:
Genealogy Bruinsma
Fotoalbum Bruinsma I 
Fotoalbum Bruinsma II
Bern:
1 Hendrika Heerkes Palsma * Bitgum 9-8-1871 † -3-1944
x Menameradiel 11-5-1893, beide 21 jier, Johannes Ebbings Lautenbach * Berltsum 18-9-1871; by x sûnder berop te Berltsum; it gesin emigreart yn 1931 nei de Feriene Steaten fan Amearika; sn f. Ebbing Klazes Lautenbach, gernier te Berltsum, en Pietje Johannes Douma
Sjoch: Jan Lautenbach – Lautenbach, side 317
2 Jan Heerkes Palsma, folget IX

3 Seerp Heerkes Palsma * Bitgum 17-6-1876 † dêr 27-5-1877, 11 moanne
4 Aaltje Heerkes Palsma * Bitgum 18-8-1878 † Seisbierrum 18-2-1934, 55 jier
x Barradiel 16-5-1912, 33 en 27 jier, Sybren Brants Stoer * Seisbierrum 16-3-1885; gernier te Seisbierrum; sn f. Brant Pieters Stoer (ek: Brand), yn 1869, ’71, ’77, ’79, arbeider te Seisbierrum, yn 1874 dêr skipper, yn 1895, ’97, 1903 dêr gernier, en fan Tjitske Aukes Nauta
5 Geertje Heerkes Palsma * Bitgum 24-12-1880 † Kleaster Anjum 7-3-1957, 76 jier; by x sûnder berop te Seisbierrum
x Barradiel 15-5-1913, 32 en 31 jier, Willem Jelles Zijlstra * Easterbierrum 18-7-1881 † Harns 19-4-1950, 68 jier; boer te Kleaster Lidlum; sn. f. Jelle Pieters Zijlstra, boer te Easterbierrum, en Grietje Sjoerds Janzen (ek: Jansen)
Jelle Pieters Zijlstra x Barradiel 19-5-1871, beide 25 jier, Grietje Sjoerds Janzen
Hja binne de pake en beppe fan:
Jelle Zijlstra * Easterbierrum 27-8-1918 † 23-12-2001, 1966-’67 minister presidint, 1967-’81 presidint Nederlandse Bank
Rinse Zijlstra * Easterbierrum 19-4-1927 † Beetstersweach 26-9-2017, lid Twadde Keamer foar de A.R.P., lid Earste Keamer foar it C.D.A., boargemaster Smellingerlân
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Zijlstra
6 Seerp Heerkes Palsma, folget IX

Sybren Brands Stoer, wannear en wêre? Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:

VIII.4 Andele Jans Palsma 
x Hiltje Aukes de Haan; dr fan Auke Johannes de Haan en Sybetje Andries Wassenaar, bouboeren te Bitgum


GENERAASJE IX
IX.1 Louw Hendriks Palsma * Winsum 2-12-1871 † Springfield, South Dakota 29-3-1961, 89 jier; emigreart yn 1891 nei Noard Amearika, boer te Súd Dakota; wennet yn 1908 te Springfield; syn neiteam hâldt der in famyljekrante op nei;
x USA 6-12-1893 Helena Regina Hamminga * Borgercompagnie 22-6-1868 † Yankton, South Dakota 16-5-1933, 64 jier; dr fan Jan Arnold Piccardt Hamminga en Annechien Freeks Bakker 
Bern:
1 Henry Palsma
* Springfield, South dakota, 31-3-1894  † dêr 18-3-1906, krapoan 12 jier
2 J
ohn Palsma * Springfield, South Dakota 29-3-1896 † Frankryk, yn in militêr hospitaal, 28-3-1919, op ien dei nei 23 jier
3 Pieter Palsma  * Springfield, South Dakota 12-10-1897 † Lym Township, Sioux County 18-10-1897, 6 dagen
4 Pieter Palsma * Springfield, South Dakota 15-10-1898 † Sheldon, Iowa 14-1-1901, 2 jier
5 Annie Palsma * Springfield, South Dakota 17-9-1900;
x 2-6-1920 Henry Ludens
6 Nellie Palsma * Springfield, South Dakota 4-8-1902 † 20-2-2003, 100 jier;
x 9-3-1926 Peter Ludens
7 Henry Palsma, folget X.1

IX.2 Pieter Hendriks Palsma * Easterlittens 1-1-1881 † Dronryp (Pension Rêsthûs) 11-11-1955, 74 jier [] Easterlittens; 1906-1924 greidboer op syn âlderspleats Adema state op Skrins 1 ûnder Easterlittens; yn 1917, ’20 tsjerkeriedslid (diaken) by de frijsinnich Herfoarmde dominaasje te Littens; yn 1916 mei-oprjochter molkfabryk Coöperatieve Vereeniging De Eendracht te Easterlittens; sûnt 1929 rintenier-boer te Easterlittens; Piter syn Littenser bynamme is: de Bolle
x Hinnaarderadiel 16-5-1906, 25 en 27 jier, Geertje Rienks * Baaium 15-3-1879 † Hurderwyk (partikuliere ynstelling) -11-1956, 76 jier [] Easterlittens; dr f. Klaas Hessels Rienks, yn 1862 boer te Stiens, yn 1870 te Menaam, yn 1879, ’86, ’98, 1901, ’06, ’09, greidboer te Baaium, yn 1930 sûnder berop te Easterlittens, en Yfke Dirks de Groot
Piter Hindriks Palsma en Geartsje Rienks krije yn har feebeslach twaris de ynfeksjessykte Abortus bang. Foar de reed nei Skrins stiet in ûntsmettingsbak, mar it is allegearre om ’e nocht. De kij sille net mear kealje. It gewin falt fuort en it binne boppedat net de bêste boerejierren. Piter en Geartsje jouwe it buorkjen deroan en sette har as rinteniers nettsjinsteande alle bekommernissen lykwols fleurichachtich del yn in stil hûs te Easterlittens. Letter hâlde se ta yn in pensjon-rêsthûs te Dronryp en as Geartsje fierder deminteard wennet se yn in partikuliere ynstelling, alhelendal te Hurderwyk.
Piter Palsma finansiert de earste toerbus fan ’e LAB – Leeuwarder Auto Bedrijf – in Diamont T -, de ûndernimming fan syn skoansoan Hessel Pols. Hessel is mei syn oantroude neef Jan Boonstra (soan fan Akke Palsma en Tsjerk Boonstra, sjoch VIII.1.4.5) direkteur fan dy busûndernimming. Hessel sjocht in kollosale merk yn toerbussen, syn kompanjon Jan Boonstra sjocht dat no krekt net sa sitten. Hessel fynt skoanheit Palsma ree ta sa’n finansjele belizzing en dy sjit fiks foar, want dêr komt it op del. Alles wurdt werombetelle, is de tasizzing. Dêr is noait wat fan kommen. Dat de erfenis fan pake Piter is behoarlik neisjoen.
Muoike Yfke fermakket har hûs en oar ûnreplik guod oan har suster Pytzen en har fermogen oan ’e kankerbestriding. Pytzen testamintet har besitting oan ’e Hartstichting en skinkt sekuere legaten oan har trije muoikesizzers, dat broer Hindrik is dêr al mei al net sa mei op ’t skik.
Meidielingen Gerrit Palsma (XI.2) oan Erfgoed Fundaasje, 10-5-2019.
Sjoch ek: Jolt Oostra Rzn – Uit de geschiedenis van Oosterlittens, Van der Eems, Easterein, 1985.
Bern:
1 Yfke Palsma * Easterlittens 7-9-1908 † Ljouwert 15-3-1978, 69 jier; húshâldster USA; rintenierster Frjentsjer;
x Baarderadiel 16-4-1930, 21 en 26 jier, houlik ûntbûn 23-7-1942, Hessel Pols * Seisbierrum 17-3-1904 † Meppel (sikehûs, wenjend te Ljouwert) 1977; garaazjehâlder te Ljouwert; spiler by Nij Frysk Toaniel; 1929-1970 mei-firmant en direkteur LAB – Leeuwarder Auto Bedrijf; foarsitter Vereniging voor Vreemdelingen Verkeer (VVV); bestjoerslid provinsjale Fryske VVV; bestjoerslid Veilig Verkeer ôfdieling Ljouwert; bestjoerslid en twadde foarsitter Vereniging De Friesche Elfsteden; haadbestjoerslid Vereniging Tourwagenondernemers; oprjochter en foarsitter Zaken Centrum Leeuwarden; sûnt 1949 gemeenteriedslid Ljouwert foar de Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD), 1958-1966 wethâlder; sn f. Pieter Pols, yn 1904 frachtrider te Seisbierrum, yn 1930 ierdappelhanneler te Doanjum, en Willemke Visser
Yfke Palsma makket mei har man Hessel Pols mannich bûtenlânse reizen, mei toerbussen. Se leit dêrfan in fotoreportaazje oan, mei har erudyt hanskrift, yn it Frysk, eigenaardich yn dy dagen. Sjoch: Foto-album Yfke Palsma  [komt mei koarten op ’e webside fan Erfgoed Fundaasje]
Yfke en Hessel wenje ûnder oaren grut-achtich oan ’e Grinzerstrjitwei en yn ’e Van Leeuwenhoekstrjitte te Ljouwert. Nei de skieding hat Yfke in skoft in keamer-allinne boppe Kafee De Wâlden oan ’e Grinzerstrjitwei. Se ferfart nei Racine yn Wiskonsin – mei in heel grut fraachteken. Se is dêrearne húshâldster by in boer, neffens eigen sizzen tsjin sibben: John pypke – fierders hjirre net mei tanamme bekend. As Yfke dêre op in kear sûnder erch mei har ôfladen boadskiptas út ’e supermerk ferdwynt, knalt in brommer by har op. Yfke hat rjocht op sa’n 50 oant 60.000 dollar oan smertejild. Dêrmei ferbrekt se har Amearikaanse bannen en fertrekt se mei dy sinten resolút werom nei ’t Heitelân en se keapet har eigen plak oan ’e Hartoch fan Saksenleane te Frjentsjer, mei deun achterhûs har weelderige plantekas, beselskippe fan ’e swide swietrokende sels-oanleine blommetún, dêr’t se yn ’e folop tichteby tierige dagen belibbet. Yfke Palsma ferstjert oan kanker yn ’t sikehûs te Ljouwert en fermakket har fermogen oan it Kankerfûns.
2. Hendrik Palsma, folget X.2
3. Pietje Palsma
(Pytzen) * Easterlittens 1915 [?] † Utrecht; as boarger administratyf meiwurkster op it militêr fleanfjild te Ljouwert, yn 1955 idem by de Militêre Kazerne te Appingedam, yn 1979 sekretaresse by de Kromhout Kazerne te Utrecht
Pytsje Palsma is in wat ienselvige frou. Se hat nei it ferstjerren fan har heit en mem eins allinne kontakt mei har suster Yfke, sawat ien kear yn ’t jier – fierders amper of net mei de famylje. Op in dei wurdt har muoikesizzer Gerrit Palsma troch de Utrechtse plysje belle. Pytsje is rûkende dea fûn yn har flat oan ’e Jeanne d’Arcdreef, se binne warskôge troch buorlju. Yn in koperen goatling, dy’t tante Pytsje Detz ta ha wol, ha se syn adres fûn: Gerrit Palsma, dêr en dêr. Sadwaande kin de plysje de famylje opspoare.
Meidielingen
Gerrit Palsma oan Erfgoed Fundaasje, 10-5-2019.

Harmina Alberta Ooiman
Harmina Alberta Ooiman

IX.3 Rintje Hendriks Palsma * Easterlittens 27-5-1883 † Ljouwert 13-6-1956, 73 jier; komt op 16-8-1913 út Grins yn Ljouwert; by earste houlik learaar Wis- en Natuerkunde oan ’e Ryks H.B.S. te Ljouwert (Foarstreek A312, Willem Loadewykstrjitte 17, 19)
x 1 Ljouwert 10-8-1915, 32 en 31 jier, Harmina Alberta Ooiman* Ljouwert 9-3-1884 † dêr 4-3-1934, 49 jier; komt op 19-7-1915 út Wijhe yn Ljouwert; dr f. Albert Ooiman, timmerman en oannimmer te Ljouwert, en Aukje Vinken
x 2 Ljouwert 16-4-1935, 51 en 31 jier, Elisabeth Woudstra * Meester Cornelis, Nederlâns Indië, omstrings 1904 † Ljouwert 6-1-1967 ; dr f. Jasper Woudstra en Feikje Broersma
Bern út it earste houlik:
1 Albert Palsma, folget X.3
Bern út it twadde houlik:

2 Louis Feico Palsma, folget X.4
Rintje Hendriks Palsma
Rintje Hendriks Palsma

 

GENERAASJE X
X.1 Henry Palsma * Springfield, South Dakota 31-3-1894 † dêr 18-3-1906;
x
28-8-1930 Henrietta Holleman Yankton, South Dakota 16-11-1972 Yankton
Bern:
1 Edna Palsma † 2010
x 9-7-1976 Edmund Hobbins
2
John Palsma † 2006
x Francis
3 Wayne Palsma, folget XI.1A
4 Linda Palsma * 1948
x 21-04-1972 Garry Ross/Minnesota/

X.2 Hendrik Palsma * Easterlittens 23-3-1911 † Wommels 14-5-2003, 92 jier [] Wommels, nij begraafplak; automonteur; amtner by de Gemeente Reinigingstsjinst Hinnaarderadiel as sjauffeur-monteur;/It Bosk 12/
x Hinnaarderadiel 17-5-1939 Sietske Vos * Wommels 30-6-1914 † dêr 10-4-1998 [] Wommels, nij begraafplak; dr f. Gerrit Vos, arbeider, toukeapman en skoalleskjinmakker te Wommels, en Feikje Kamstra
Hindrik docht de Ambachtskoalle te Ljouwert omdat er fan jongs-ôf-oan masjinist wurde wol. Under skoaltiid slacht er as it even kin op it treinstasjon om. Mar hy wurdt automonteur en avontuert as jonge in bedriuwke as karrider mei hynder en wein. Dan skaft er as jongfeint fan 22 jier in A Ford oan dêr’t er in frachtriderij mei begjint op Ljouwert-Bolswert. Dêrnei stapt er as mei-firmant yn transportbedriuw de saneamde ‘Combinatie Wommels’, dat is Bonnema-De Vries-Feitsma: foarhinne – dêrfandinne – ek Palsma. Dat binne fanâlds karriderrs by útstek, en dy kombinaasje dijt fertsjinstlik út ta in frachtriderij mei âlde legertrucks yn fee, en ek de ko syn ûnútsteanber hurd produkt fan tsiis, allyksa dêroerhinne it modernere pakketferfier foar krudenierswinkels en oare lukrative hannel. Hindrik syn firmanten wolle wreder útwreidzje, mar har weinpark is hartstikke te’nein, der moat yngeand ynvesteard wurde, de hannel is al op retoer. De oernimmers beklinke it eigenbelang, sette alle wille oer yn har delsleine sinten.
Hindrik siket in oare wei oan ’e libbene dyk, want hy wol by de minsken wêze en wurdt yn 1951/’52 sjauffeur-monteur by de Gemeente Reinigingstsjinst Hinnaarderadiel.
En by syn gegeven oanstelling as amtner oppert er: Sietske fanke, no sille wy noait jildsoargen ha, want wy kinne steat meitsje op in fêst pensjoen. 

Bern:
1 Pieter Palsma, folget XI
2 Gerrit Palsma, folget XI
Hannie Dijkstra/Wommels/
3 Geertje Palsma (Geartsje) * Wommels 7-10-1949; fersoarchster âlden fan dagen Leppehiem te Akkrum;
x Jan Jonkman * Itens 27-6-1947 † Akkrum 13-3-2017; boer en feefokker (mei syn broer Hendrik en skoansuster Gerbrig Joustra) op ’e âlderspleats ûnder Itens; meiwurker UTD-Akkrum (ôfdieling hinnen), letter Unilever; sn f. Theo Jonkman, boer en feefokker te Itens, en Richtje Sytsma/Akkrum/

X.3 Albert Palsma * Ljouwert 29-6-1919 † dêr 19-7-2010, 88 jier;
x 14-12-1943 Fokje Heijnen (Lien) * Harns 16-4-1917 † Grins 2-12-2012, 89 jier; dr fan Tjalke Theodoors Heijnen, yn 1917 kantoarfeint te Harns, en Reintje Tjittes Gratama
Bern:
1 Albertina Reina Palsma (Bettie) * Ljouwert 17-6-1945 † dêr 11-10-2005, 60 jier;
x Jan Giesing * 23-7-1943 † 11-9-2012, 59 jier; sn fan Feie Giesing en Jetske Dieuwke Kamminga
2 Theodorus Rene Albert Palsma (Theo) * Ljouwert 2-5-1948
x Hennie Wilkens
3 Ria Aafke Fokelina Palsma (Ria) * Ljouwert 12-6-1953
x Haroen Wangsawirana

X.4 Louis Feico Palsma * Ljouwert 4-3-1937 † dêr 4-2-2018, 81 jier; learaar HBS te Delft;
x 31-3-1964 Elisabeth Catharina Hendrika Gaalman * Hengelo 24-2-1932 † 26-3-1971, 39 jier;
x 2 Ljouwert 18-12-1971 Joyce van Pelt * Klimmen 1943 † 22-2-2018
Bern út it earste houlik:
1 Elske Brecht Palsma * 6-11-1967
2 Rineke Nant Palsma * 27-4-1969


GENERAASJE XI
XI.1A Wayne Palsma* 27-07-1938 † Phoenix29-5-2018
x -12-1967 Mary Jacobson * Webster, South Dakota, 16-1-1942 † 15-5-2015 ; learares wiskunde en Ingels; dr fan Sherman en Shirley Jacobson
Sjoch: Mary Jacobson Palsma 
Bern:
1 Robert Palsma
* 1-1-1973

XI.1 Pieter Palsma (Piet) * Wommels 3-10-1941;
x 1 (skieden) Jeltje Gerlofsma
x 2 Tjitske Hoekstra * Vegelinsoard (Stobbegat) 10-7-1946/De Jouwer/
Bern, út it earste houlik:
1 Hendrik Palsma (Henk)/Bilbeek, Brussel/
2 Gert Palsma/Huizen (NH)/


XI.2 Gerrit Palsma (Detz) * Wommels 28-6-1944; 1866-1980 fertsjintwurdiger by Delta-Unilever (Van den Berg & Jurgens, margarine); 1980-1999 (VUT) akkountmanager by Rath & Doodeheefver-behang, noarder rayon; 1999-2019 akkount manager bûtentsjinst by Noordwand Súdlaren
x Johanna Dijkstra (Hanny) * Itens 7-4-1948; dr f. Gerrit Gerlofs Dijkstra, boer oan ’e Iewei 10 te Itens, en IJke Freerks Scheepsma
As Detz Palsma op ’e legere skoalle te Wommels sit, is dat de earste Fryske proefskoalle. Haad is skriuwer en dichter Jan Wybenga. Detz docht mei oan in harkspul dat útstjoerd wurdt foar de Regionale Omrop Noard, (de foarrinder fan Omrop Fryslân). In hele belevenis foar Detz. In kranteferslachje dêroer yn Frysk en Frij fan 2-12-1952 hat er noch altyd bewarre. Op ’e foto is er de middelste foar de mikrofoan 
Bern:

1 IJke Palsma (Ineke) * Wommels 9-2-1975
x Peter Walstra/Wommels/
2 Hendrik Palsma, folget XII.1

XI Jan Heerkes Palsma * Bitgum 24-8-1873 † dêr 27-11-1949, 76 jier, [] Bitgum; by x sûnder berop te Bitgum, sûnt syn trouwen dêr bakker
x Menameradiel 18-5-1905, 31 en 25 jier, Jantje Foppes Dijkstra * Bitgum 2-8-1879 † dêr 1-9-1946, 67 jier, [] Bitgum; dr f. Foppe Thomas Dijkstra, gernier-boer op Grut Alsert te Bitgummole, tsjerk- en earmfâd, rintmaster lânhearren Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, en Maartje Gerbens Brouwer

Hearke, Maartsje, Tytsje, Jan Hearkes Palsma en Jantsje Foppe Dykstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Fotokolleksje: Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra (wiere grutte); sjoch Erfgoed Fundaasje – Genealogy Zijlstra – In suster fan Jan, Geertje Hearkes Palsma, is troud mei Willem Jelles Zijlstra

Hearke, Tite, Foppe en Ma Palsma. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:


Bern:
1 Maartje Palsma (Ma) * Bitgum 10-2-1907 † Drachten, fersoargingshûs De Warrenhove, 20-11-1985, 78 jier
x Menameradiel 27-9-1972 Jan Slange; widner fan E.J. van Dijke

2 Heerke Palsma, folget XII.2
3 Tietje Palsma (Tite) * Bitgum 8-12-1913 † 29-4-1993 [] Slappeterp
x Menameradiel 30-5-1940 Feije Jeremias Coree * Slappeterp 7-4-1914 † 11-5-1993 [] Slappeterp; boer te Slappeterp; sn f. Jeremias Feijes Coree, yn 1914 arbeider te Slappeterp, yn 1919 gernier te St.-Jabik, en Tjerkje Pieters Louwenaar
Bern:
1 Jantje Coree * Slappeterp † dêr 16-8-1945, 3 jier
2 Tjerkje Coree * Slappeterp 31-8-1944; x 28-11-1965 Pieter Jelles Bouma *21-4-1941
     Bern: Jelle Pieter Bouma * 29-5-1966; Selma Tietje Bouma * 17-7-1967
3 Jantje Coree * Slappeterp † dêr 16-8-1945, 3 jier
4 Jantje Coree * Slappeterp 3-5-1946; x Hein Willems Wismeijer * 11-12-1942
     Bern: Willem Hein Wismeijer * 4-11-1969
4 Foppe Palsma, folget XII.3

XII Seerp Heerkes Palsma (Sjerp) * Bitgum 4-7-1885 † Appingedam 26-3-1968, 82 jier; ferfart 23-9-1903 nei Seisbierrum, dêr abeider; by x boer te Eastermar, de lêste seis moanne foar syn trouwen wenjend te Sigerswâld; sûnt 2-4-1914 boer te Eastermar, de húshâlding ferfart dêrwei op 1-11-1917 nei Tjamsweer, gemeente Appingdam, Grinslân; yn 1838, ’43 idem te Garreweer, gemeente Appingedam;
x Barradiel 13-5-1914, 28 en 24 jier, Antje Pieters Westra (Anne) * Seisbierrum 13-5-1890 † Loppersum 6-1-1968, 77 jier; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; stiet m.y.f. 11-6-1914 ynskreaun te Eastermar (hûsnr 176), se komt dan út Seisbierrum; dr f. Pieter Harmens Westra, koaltsjer, boer en ierdappelkeapman op it Kastieltsje ûnder Seisbierrum, en fan Maria Matthys Bakker
Sjoch:
Beeldbank Groningen:
Famyljefoto Palsma
Erfgoed Fundaasje:
Genealogy Westra
-Kronyk – Memories Harmen Pieters Westra
-Kronyk – De deiboeknotysjes fan Mathys Westra
-Ierdappelhannel Fa. Westra
-Filmargyf Westra
-Weromsjen Hilbrand
Bern:
1 Maria Seerps Palsma
(Marie) * Eastermar 9-3-1915; by trouwen sûnder berop te Garreweer;
x Appingedam 24-8-1938, 23 en 25 jier, Riemer Hendriks van Til * Hoogkerk 18-3-1913; by trouwen bakkerijlearaar te Hoogkerk; sn f. Hendrik van Til, yn 1913 sûnder berop te Hoogkerk, sûnt 1914 dêr breabakker, en Elisabeth Jakobs Scharft, bakkerinne te Hoogkerk
2. Heerke Seerps Palsma
* Eastermar 8-2-1916 5-7-1999 [] Appingedam, Stilleweer; by trouwen sadelmakker te Garreweer;
x Appingedam 9-6-1943, 27 en 25 jier, Jantje Jans Scholtens * Appingedam 26-4-1918; by trouwen faam te Tjamsweer; dr f. Jan Alberts Scholtens, yn 1911 kleanmakker te Uithuizermeeden en Beilen, yn 1918 draaier te Appingedam, yn 1943 fabryksarbeider te Tjamsweer, en Geertje Klazes Oosterhuis, yn 1911 faam te Loppersum en Zeerijp 
3 Pieter Seerps Palsma
* Eastermar 7-3-1917 † 26-8-1988 [] Ten Post;
x Grietje Venhuizen * 28-1-1920 † 12-5-1993 [] Ten Post
4 Tietje Seerps Palsma * Tjamsweer, gemeente Appingedam 21-8-1918 † Delfzijl 24-1-2007, 88 jier, [] Loppersum, Algemien Begraafplak, Hofstraat; by trouwen sûnder berop te Tjamsweer;
x Appingedam 6-5-1942, beide 23 jier, Theodorikus Johannes Havinga (Theo) * Winneweer, gemeente Ten Boer 12-4-1919 29-6-2011, 90 jier, [] Loppersum, Algemien Begraafplak, Hofstraat; by trouwen lânarbeider te Holwierde, gemeente Bierum; sn f. Johannes Jans Havinga,  slachter te Winneweer, en Harmanna Theodorikus van Halsema
5 Wilhelmina Seerps Palsma (Mine) * 12-2-1920 † 12-5-2008, 88 jier, [] Appingedam, Stilleweer;
x Wilko van Niejenhuis * 2-2-1924 † 14-4-2011, 87 jier, [] Appingedam, Stilleweer
6 Hendrika Seerps Palsma (Riek) * 7-6-1921 † 18-6-2005, 83 jier, [] Wirdum, Kerkeweg;
x Hendrik Venhuizen * 7-6-1921 † 1-9-2014, 93 jier, [] Wirdum, Kerkeweg
7 Aaltje Seerps Palsma (Aly)
8 Harmen Seerps Palsma * 8-4-1923 † 5-8-1979 [] Ten Boer;
x Zwaantje Flikkema
9 Rients Seerps Palsma
10 Libbenleas bern Palsma *- Grins 29-11-1933

Sjerp Hearkes Palsma. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:

Fan links nei rjochts: Tietje, Maria, Rients, Hendrika, Seerp Heerkes Palsma, Harmen, Antje Pieters Westra, Pieter, Aaltje, Wilhelmina en Heerke. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:

De pleats te Tjamsweer of te Garreweer? – wa wit it? – dêr’t Sjerp Palsma en Anne Westra op buorkje. Se stean derop mei in arbeider en in pear fan har bern. It kykje is hjir wat fergrutte. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:


GENERAASJE XII

XII.1 Hendrik Palsma * Wommels 24-6-1977
x Anabeli Romon * Valencia (Venezuela) 
Bern:
1 Nick Palsma
* Wommels 24-12-2013


XII.2 Heerke Palsma * Bitgum 29-3-1911 † 13-2-1969 [] Bitgum; x It Bilt 13-5-1942, 30 en 20 jier, skieding fûnis Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 6-7-1944, Sybranda Hoogland * Marsum 14-6-1921 † St.-Anne 14-3-2005 [] Jirnsum, algemien begraafplak; dr f. Jacob Lykles Hoogland, greidboer en feefokker te Marsum (nr 314), sûnt 24-5-1935 bouboer op Sate 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne (nr 517, 179), en Jeltje Georgius Jepkema
Bern:
1 Jeltje Palsma * 2-3-1943; x Marten Kramer
Bern: 
1 Wietse Marten Kramer * 24-11-1968

XII.3 Foppe Palsma * Bitgum 25-5-1918 † 20-2-1977 [] Bitgum
x Menameradiel 26-5-1943 Janke Hoekstra * Berltsum 12-9-1918 † 31-1-2004 [] Bitgum; dr f. Æbe Annes Hoekstra, gernier te Berltsum, en Antje Jacobs Kuipers

Bern:
1 Antje Palsma (Anneke) * Bitgum 17-1-1947
x 22-12-1966 Tjipke Rozema
Bern: Janke Rozema * 23-12-1967
2 Jan Palsma, folget XIII
3 Jantje Palsma * Bitgum 29-1-1952
x Pieter Lolkema
4 Maartje Palsma * Bitgum 16-11-1953
5 Æbe Palsma, folget XIII
6 Anna Jacoba Palsma (Cobie) * Bitgum 19-2-1960


GENERAASJE XIII
XIII Jan Palsma * Bitgum 18-3-1950

XIII Æbe Palsma * Bitgum 26-10-1956
x Djoke Dijkman