GENEALOGY PALSMA
fragminten
* = berne/geboren/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.=wennet mei/weunt met/living together
sk=skieden/skaiden/divorced
† = ferstoarn/fersturven/deceased
[] = begroeven/buried
//wenplak/weunplaats/residence
§ =anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien/weergeven in groen
G = Grifformeard
GK = Gyn Kerkgenoatskap
GT = Gjin Tsjerkegenoatskip
KO/KG = Kristlik Ofskieden/Kristlik Grifformeard
NH = Nederlânsk Herfoarmd
Alde Maaie – Ouwe Maai
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Wat is in stamrige/stamreeks?
Undersyk: Ype Brouwers (generaasjes I -III), Johannes Woudstra (generaasjes I en fierder + ynformaasje Palsma state), yn ’e mande mei Erfgoed Fundaasje.
Wurk yn útfiering – wurdt fuortset. Foar oanfullingen en ferbetteringen sjoch formulier
Sjoch fierder:
-Johannes Woudstra – Skema Siderius-Palsma, side 108– Siderius, de Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum 2002, ISBN 90 9015705 0
-foar gâns foto’s: Fotoalbum Palsma
This genealogy will eventually be translated into English.
Wat is in genealogy?
GENERAASJE I
I Symen Seerps
x
[?] Teets Pieters
Bern:
1 Seerp Symens, folget II
GENERAASJE II
Seerp Symens ~ grif Baard 21-1-1672 † Jorwert foar de doop fan syn soan Seerp 19-5-1700; bakker te Hilaard;
x 1. Easterlittens 3-3-1695 Vrouck Wybrens
x 2 Jorwert 25-12-1696 Claeske Jacobs ~ Hilaard 25-12-1670 † nei 1745, dochter fan Jacob Claessen, húsman te Jorwert, en Antie Fransen. Klaske x 2 foar 1705 Jan Jacobs Tania, berne [Tsjom] om 1675 hinne, boer te Jorwert, Lúns, soan fan Jacob Piers Tania en Grytie Jans;
bern fan Klaske en Jan: Antie Jans ~ Jorwert 11-1-1705.
-Yn 1695 (BAA 47 131) wurdt te Jorwert de neilittenskip beskreaun fan húsman Jacob Claessen op fersyk fan de mearderjierrige Frans, Wytse en Claeske Jacobs en fan Romcke Claessen, húsman te Boksum, as fâd oer Thomas en Claes Jacobs; de earste fjouwer út Jacob syn houlik mei Antie Fransen en de lêste by widdo Grietie Symens. Yn 1698 (BAA 47 177), by skieding mei de widdo, wurdt Claeske beselskippe troch har man Seerp Symens, mr. backer te Hilaard.
-Widdo Claaske Jacobs docht op 14-11-1701 te Jorwert belidenis, stiet op ’e list fan 1702 en is dêrnei fertrokken nei Hilaard. Jan Tania docht belidenis te Jorwert 21-11-1709, is dêrwei ferfearn nei Lúns. Jan Tania en Claeske Jacobs komme mei attestaasje op 16-8-1716 fan Jorwert yn Hilaard. Klaaske stiet dêr as widdo noch op ’e lidmatenlist fan 1745.
-Op 28-4-1696 wurde yn Frjentsjerteradiel Jacob Foppes en Frans Jelles oansteld as fâden oer Jan, 21, en syn broer en susters, bern fan Jacob Piers Tania silger by Grytie Jans.
-Claeske Jacobs is yn 1700 boerinne op pleats 24 fan Jorwert, 101½ pm, en yn 1708 buorket Jan Jacobs Tania dêr; dy is dus by har yntroud. Jan Tania is yn 1718 boer op stim 4 fan Lúns en yn 1728 en ’38 op ’e pastorypleats, stim 5 dêr.
Ut it boask fan Seerp en Klaske:
1 Jacob Seerps, folget III.1
2 Seerp Seerps ~ Jorwert 19-5-1700.
GENERAASJE III
III.1 Jacob Seerps ~ Hilaard 1-5-1698 † dêr 1788; boer te Boksum;
x 1 foar 1723 Tetje Wopkes ~ Jelsum 22-3-1691, dochter fan Wopke Hendrix, boer te Jelsum en Boksum, en Hiltie Romkes;
Sjoch foar Wopke Hendriks en Hiltie Romkes: Bylage skoanfamylje: Hendrik Wopkes
x 2 (ûndertrou Wurdum 9-3-1760) Rinske Sibrens, widdo fan Sjoerd Jochums; yn 1749 boer te Wurdum ‘met goed reeuw en beslag’.
Ut it houlik fan Rinske en Sjoerd: Aaltje Sjoerds * Wurdum 1-3-1737 ~ op belidenis Britsum 1-9-1782; x 1 (ûndertrou Wurdum 17-12-1758) Watse Klases Nicolay, fan Grou.
-Yn 1718 is Wopke Hendrix boer op stim 2 fan Boksum, 105 pm, yn ’e jierren 1728-’78 syn skoansoan Jacob Seerps en yn 1788 dy syn erven.
-Jacob Sierps en (mei lettere hân) syn frou Rinske steane op ’e lidmatelist fan Boksum fan omstrings 1748 (de namme Rinske sil in oanfulling fan nei 1760 west hawwe). Op ’e list fan 1773: Jacob Seerps en frou Rinske Sybrens. Dy lêste fertrekt as widdo mei attestaasje op 3-5-1789 nei Wurdum en dêrwei op 7-8-1796 nei Britsum.
-Yn 1749 is Jacob Seerps boer te Boksum, húshâlding fan 6 persoanen boppe de tolve, oanslach 67 karg. 7 st.
-Yn 1750 (BAA 70 257v) keapje dhr. Wybe Buma en Rebecca Joukes Jelsma 12 en 2½ pm loslân te Weidum fan Dirk Jans, húsman te Wjelsryp, foar 1600 karg. Jacob Seerps, húsman te Boksum, leit as sibbe fan ’e ferkeaper it near en dat wurdt him gund.
-Yn 1757 (BAA 71 57) keapet Jacob Sjerps, húsman te Boksum, ½ fan 7½ pm loslân te Bears fan Reinder Dirx, mearderjierrich jongfeint te Wjelsryp, as erfgenamt fan syn heit Dirk Jans Piebinga foar 81 goudg. per pûnsmiet.
-Yn 1747 stiet Jacob Seerps te Boksum noteard yn it personele kohier mei in fermogen fan 2000 karg. Dat bliuwt sa o/m 1669. Yn 1770 komt dêr fanwege syn frou de post fan 820 karg. by op fan ’e widdo en erven fan Sjoerd Jochums fan Wurdum. Yn 1774 wurdt de post fan Jacob ferhege nei 2500 karg. (sûnder opjefte fan reden) en dat bliuwt sa o/m 1788.
-Yn 1789 komt de post fan 2500 oan de trije (stagen) erven: Homme Dirks te Boksum fanwege syn frou 1/3, Seerp Jacobs widdo te Jellum fanwege har bern 1/3 en Andele Hendriks en Sytze Hommes fanwege syn frou, beide te Wurdum, 1/3, foar elk 833 karg. 6 st. 12 penjes. De post fan 820 karg. fan de widdo wurdt dan fuort oerboekt nei Wurdum.
Ut it earste houlik:
1 Jetske Jacobs ~ Boksum 8-8-1723
2 Seerp Jacobs ~ Boksum 7-3-1727 † dêr 16-4-1789; yn 1758 en ’68 boer op stim 8 fan Hilaard, 50 pm, yn 1778 op stim 8 fan Jellum, 52 pm.; Sjerp en Jiskje komme mei attestaasje op 3-11-1776 fan Hilaard yn Jellum;
x (tredde prokl. Wommels 16-4-1752) Jiskjen Jobs * Weidum 4-5-1729, dochter fan Job Jentjes en Akke Ulbes (stamâlden Faber).
Ut dit houlik:
1 Tetje Seerps * Hilaard 1-6-1754
2 Akke Seerps * Hilaard 17-6-1760
3 Klaaske Seerps * Hilaard 18-3-1764
4 Jacob Seerps * Hilaard 16-9-1770
3 Hiltje Jacobs * Boksum 1-1-1729;
x (ûndertrou Boksum 29-7-1752) Homme Dirks Kalma ~ Raard 2-4-1724 † Boksum 17-1-1814; boer; soan fan Dirk Karstens, mr. timmerman, en Akke Jetses. Homme Dirks en Hiltje Jacobs steane op de lidmatenlist fan Boksum fan omstrings 1748, sa ek op dy fan 1773.
Bern, */~ te Boksum: Dirk 1753, Jacob ’54, Akke ’57, Jetse ’58, Akke ’61, Seerp ’64, Karsten ’70.
Sjoch: S. Kok-Draijer – Kalma – Het voor- en nageslacht van Dirk Karstes Kalma en Akke Jetzes Wobma – Deel I en II – 1993, ISBN 90-9006206-8
4 Hendrik Jacobs, folget IV.4
GENERAASJE IV
IV.4 Hendrik Jacobs * Boksum omstrings july 1730 † dêr 1783, docht belidenis te Wurdum 4-5-1759; boer op Barhûs Under Wurdum
x Boksum (tredde proklamaasje Wurdum 15-1) 1758) Tjietske Andeles Andringa ~ Wurdum 22-9-1726 † dêr 22-4-1806; 1749 op belidenis oannommen te Wurdum; dochter fan Andle Sjoerds Andringa, boer te Wurdum, en Lysbet Sjoerds.
Sjoch:
-Andringa Stichting – Ype Brouwers – Andringa 3 – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, Feanwâlden, 2016 ISBN 978 90 803 389-0-6
–Kertiersteat Baukje en Sytske Palsma
–Kertiersteat Hette Tjitzes Hettema
-Yn 1758 is Hendrik Jacobs boer op stim 31 fan Wurdum dêr’t yn 1748 Lieuwe Piebes buorket. Dat is Palsma state, súdlikste pleats oan ’e Pikhoarnsterdyk (sûnt omstrings 2015 in soarchbuorkerij). De pleats is foar de helte eigen oan skoanheit Andle Sjoerds. Yn 1768 binne Hendrik Jacobs fanwege syn frou en Sjoerd Andles Andringa eigners fan it hoarnleger, elk de helte. De pleats mjit dan 57 pm: 49 pm fan Hendrik en 8 pm fan Sjoerd. Yn 1778 buorket Hendrik dêr noch en wurdt 82 pm opjûn as grutte fan ’e pleats, yn 1788 is Andle Hendriks hjir boer.
-Hendrik Jacobs ferfangt yn 1758 Lieuwe Pybes as bewenner fan speesjenûmer 2 fan Wurdum, hy hâldt dan 10 kij. Yn 1767 wurdt nr 2 op namme fan Andle Sjoerds erven steld; Hendrik Jacobs komt dan op nr 27 dêr’t earder dat jier Andle Andringa stoarn is, 17 kij. It jier dêrnei stiet it eardere wenplak nr 2 leech en wurdt de skoarstien tichtmitsele.
-Op nr 27 hâldt Hendrik yn 1773 18 kij, yn 1778 22 en yn 1783 noch 14. Jiers dêrop is Hendrik wei en komt Doeitse Broers (Smeding) op ’e pleats.
Ut dit houlik:
Sjoen de neilittenskip fan pake Jacob Seerps moatte alle bern foar 1788 stoarn wêze sûnder bern nei te litten, útsein Andle V.2 en Lysbert junior V.6:
1 Tettje Hendriks * Wurdum 16-1-1759; docht belidenis te Wurdum op 9-5-1779, yn 1783 stiet yn it lidmatenboek fierders dat Tettsje ferstoarn is as ‘jongedochter’ = net-troud, se is lykwols wol boaske
x Wurdum 28-10-1781 Eelse Pieters Hiemstra (ek: Ælse Pyt(t)ers) * Wurdum 11-3-1757 † dêr 29-10-1833, 77 jier; op 1-1-1817 mei syn twadde frou Antsje lidmaat te Wurdum; yn 1811, ’12 keapman te Wurdum, yn 1811, ’12, ’32 dêr boer, by ferstjerren dêr komelker; sn f. Pytter Ælses en Dirkje Gerbens
Ælse x 2 Antje Gerbens Rinsma * Wurdum † dêr 29-10-1834, 70 jier; komelkster te Wurdum, by ferstjerren dêr sûnder berop; dr f. Gerben Abes en Detje Theunis
Ælse nimt 15-1-1812 de namme Hiemstra oan
Bern út it twadde boask:
1 Gerben Ælses Hiemstra * Wurdum 7-5-1790 † dêr 7-2-1855, 64 jier, hûsnr 155; yn 1811 komelker te Wurdum, by ferstjerren dêr ‘vleeschhouwer’; wennet mei syn suster Durkje yn hûsnrs 135, 155
2 Durkje Ælses Hiemstra (ek: Dirkje) * Wurdum 3-12-1792 † dêr 6-6-1859, 66 jier, nr 124; naaister te Wurdum; by ferstjerren sûnder berop; wennet mei har broer Gerben yn hûsnrs 135, 155
3 Pytter Ælses Hiemstra (yn 1811 noch Pytter, letter Pieter) * Wurdum 10-4-1796 ~ dêr 1-5-1796 † dêr 15-3-1885, 88 jier, hûsnr 222; docht op 5-4-1827 belidenis te Wurdum; yn 1822 slachter te Wurdum; letter dêr fjildwachter en kommys (hûsnr 294K)
x Ljouwerteradiel 4-7-1822, 26 en 22 jier, kalfneef en -nicht, Dieuwke Doekes Hellema * Wurdum 12-1-1800 † dêr 11-2-1892, 91 jier; docht op 6-4-1824 belidenis te Wurdum; dr f. Doeke Wygers Hellema, boer en Ryksûntfanger te Wurdum, en Lysbeth Hendriks Palsma (sjoch hjirûnder IV.4.6)
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hellema
4 Detje Ælses Hiemstra * Wurdum 1799 † dêr 8-1-1848, 48 jier, hûsnr 135; docht 18-4-1839 belidenis te Wurdum; komelkerske te Wurdum
x Ljouwerteradiel 8-5-1839, 39 en 35 jier, Tjeerd Lieuwes de Graaf * Marsum omstrings 1804 † Wurdum 1-8-1845, 41 jier, hûsnr 135; yn 1827, ’29 arbeider te Jorwert; yn 1829, ’39 arbeider te Wurdum, yn 1840, ’44 dêr komelker, by ferstjerren dêr boer; sn f. Lieuwe Tjeerds de Graaf, gernier te Marsum (hûsnr 11), en Jetske Meintes Sixma (ek: Jitske; en: Siksma)
Tjeerd x 1 Baarderadiel 22-8-1829, 25 en 24 jier, Sytske Minnes Faber * Swichum omstrings 1805 † Wurdum 17-12-1829, 24 jier, hûsnr 120; DG; by x boerefaam te Wurdum; dr f. Minne Jans Faber, arbeider te Swichum en Wurdum, yn 1819 húsman te Tytsjerk, en Antje Heins de Vries
Ælse is yn 1832 te Wurdum eigner fan (Minútplan Wurdum B1 Seksje B Lizzer 73):
Perseelnr. | Yn gebrûk as | Oerflakte m² | Klasse | Belesting |
449 | Greide | 9720 | 3 | |
533 | Hûs en hiem | 150 | 1 | 27 |
534 | Hôf | 960 |
Sjoch foar in Nijjierslokwinsk fan him: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hellema
2 Andle Hendriks Palsma, folget V.2
3 Lysbet Hendriks ~Wurdum 10-10-1762
4 Klaaske Hendriks ~ Wurdum 11-3-1764
5 Dieuke Hendriks ~ Wurdum 9-8-1765
6 Lysbert Hendriks Palsma * Wurdum 19-3-1767 † dêr op Barhûs 13-4-1810 (oan wettersucht) [] Wurdum; docht dêr belidenis 7-5-1790;
x 1 Wurdum 11-2-1787 Sytse Hommes (Rypma) * Bolswert 23-2-1759 ~ dêr 13-31759 † Wurdum 20-6-1795; te Wurdum op belidenis oannommen 6-5-1781; sn f. Homme Zitses (neffens Doopboek) en Ymkje Jans;
Sytse x 1 Wurdum 8-8-1784, hy fan Wurdum, sy fan Burdaard, Baukje Hessels ;
x 2 Wurdum 27-5-1796 Doeke Wygers Hellema * Wânswert 3-4-1766 † Wurdum op Barhûs 7-12-1856 [] Wurdum; grêfstien ferpleatst fan bûten nei yn ’e tsjerke te Wurdum. Skoalmaster te Grou (1778), Wânswert (1781) en Wurdum (1792); fan 1819 oant syn dea boer op Barhûs. Alderling en organist Wânswert en tsjerkfâd 1827-1856 Ned. Herf. Tsjerke Wurdum; gritenijûntfanger (oant 1816); ryksûntfanger belestings 1805-1838. Mei-oprjochter en kommisaris O.B.A.S. (Onderlinge Brand Assurantie Maatschappij). Sekretaris folkssosjeteit (1795), arbeidzjend lid Friesch Genootschap; deiboekskriuwer; skriuwer fan pleatslike skiednis, libbensskets, ensfh.
Doeke x 2 Wurdum 2-5-1813 Dieuwke Klazes Nicolai * Wurdum 4-2-1792 † op Barhûs 25-10-1850 [] Wurdum; dr f. Klaas Roelofs Nicolai, boer op Leienburch ûnder Ljouwert en op De Him ûnder Wurdum, en fan Akke Douwes Snoek
Sjoch:
– Doeke Wijgers Hellema 1766-1856 – De website van voorouders!
-Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hellema
7 Jacob Hendriks ~ Wurdum 25-2-1770.
§ ‘Moaiskriuwerij’
Moaiskriuwerij fan Lysbet Hindriks Palsma (V.6) as se tsien jier is, 23 juny 1777. Soks is oefenjen yn moaiskriuwen, lytse en grutte letters, ûnderkast en kapitalen – Lysbet hat it noch moaier makke mei krollen en blommen.
Har teksten binne net om ’e nocht:
Mijne schapen hoort/mijne stemme ende/Ik kenne dezelve/Einde zij volgen/Mij Einde Zij Geeve Haar Het eeuwig/ge leeven ende zij zullen niet verlooren/gaan in der eeuwig-heit amen einde/
Mijn vader ende mijn moeder heb/=ben mij verlaten maar de heere zal/mij aannemen/
Lijsbert Hendriks/1777/
Soo ik Niet En Hadde/soo gelooft dat ik niet en/IK NIET/en had het goede/des heere soude sien in haar/der levendiggen ik waare vergaan/Mijn vader ende mijne moeder heb/ben mij verlaten maar de heere/zal mij aannemen ende mijn/onze hulpe is inden name des/Lijsbet Hendriks
Blêd trije:
Kampt voor de/waarheid tot/in der dood ende/god de heere zal/voor u strijden Mijn vader ende Mijne/moeder hebben mij verlaten maar de/Heere zal mij aannemen ende hulpe is/Lijsbet Hendriks Anno 1777/Den 23 Junius I./
Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Hettema-Hellema
GENERAASJE V
V.2 Andele Hendriks Palsma ~ Wurdum 24-8-1760 † Palsma sate op Barhûs ûnder Wurdum 15-2-1842, 81 jier; docht belidenis te Wurdum op 29-4-1785; boer op Palsma state op it Noardein te Wytgaard, stim 39 ûnder Wurdum en eiger fan en boer op Palsma sate stim 31 op Barhûs fan Wurdum; maart-juny 1795 provisjoneel represintant (= gemeenteriedslid); yn 1812 maire (= boargemaster) fan Wurdum; assessor (=wethâlder) fan Ljouwerteradiel, tsjerk- en earmfâd;
x Wurdum 21-10-1787, hy fan Wurdum, sy fan Froubuorren, Grytje Jans Siderius * Froubuurt 10-3-1765 ~ 31-3-1765 † Barhûs ûnder Wurdum 18-5-1841; dr f. Jan Dirks Siderius, húsman onder Froubuurt, nr 16; 1789-1801 kerk- en aarmfoogd; kommitteerde fan ’e Bildtpôln, en Jannigje Arjens
Andele neamt him PALSMA nei Palsma state op it Noardein ûnder Wurdum dy’t Gryt fia har heit erfd hat fan har beppe Gryt Doekes Rinia.
Andele syn sweager Doeke Wygers Hellema, dy’t sawat syn hiele lange libben in deiboek byhâldt, neamd Andele gauris yn syn epistels:
–Dagboek 7, 1833 – Erfgoed Fundaasje (erfgoed-fundaasje.nl)
–Dagboeken-Doeke-Wiegers-Hellema.pdf (historischcentrumleeuwarden.nl)
Bern:
1 Hendrik Andeles Palsma, folget VI.1
2 Jannigje Andeles Palsma * Palsma state, Wurdum 14-2-1790 ~ Wurdum 7-3-1790 † dêr 29-5-1836, 46 jier
x Wurdum 23-4-1809, 19 en 22 jier, sy fan Wurdum, hy fan Raard, Jan Dirks Valkema * Raard (Raarderhim) 30-12-1786 † Wytgaard 30-11-1877, 90 jier; boer te Wurdum; sn f. Dirk Wouters Valkema, boer te Raard, en Hendrikje Thomas Dotinga
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Hettema kronyk en Stambeamke Hettema
3 Jan Andeles Palsma * Palsma sate, Wurdum 4-2-1791 ~ Wurdum 27-2-1791 † Froubuurt 5-8-1863; sont 24-5-1811 aigenerfd bouboer op ’e foorouderlike Sideriusplaats (nr 16) fan syn pake Jan Dirks Siderius onder Froubuurt; gemeente-ontfanger; kerk- en aarmfoogd; wethouwer fan ’t Bildt; weunt in 1855 te Wirdum
Op 27-12-1857 deponeert Jan Andeles ’n olografys (=handskreven) testamint bij netaris Egbertus Petrus Brunger te Froubuurt;
Jan Andeles is foor bra Bildtkerts ’n geldskieter, ’n greep út ’e skuldenaars
(de netaris is hyltyd Egbertus Petrus Brunger te Froubuurt; Repertoire: 134040):
-28-3-1843: Jurjen Pieters van der Rol te Froubuurt, man fan Saapke Klazes van der Vlag; f 425,00
-7-5-1844: Berend Jarigs Bilker te Froubuurt, man fan Sieuwke Gerrits Binnema; f 200,00
-18-12-1848: Doen Gæles van Dijk te Froubuurt; kapitaal: f 475,00
-28-12-1853: Ate Wybes Slim te Froubuurt; f 10.000,00;
-17-5-1856: Jacob Pieters van Tuinen te Ingelum; f 2.500,00
-7-5-1857: Johan George Pater te Luwt; f 3.000,00
-13-5-1859: Abe Hessels Hesliga te Froubuurt; f 2.500,00
-16-11-1860: Heerke Ebes Vellinga te Tjum: f 4.000,00
-31-7-1861: Gerrit Pieters Vogelzang te Hallum; f 500,00
-29-8-1861: Symen Aukes de Vries te Hallum, man fan Trijntje Arjens Slim; f 2.200,00
-12-4-1862: Gerrit Pieters Vogelzang te Hallum; f 200,00
-19-5-1862: Jan Jacobs Boersma te St.-Anne, man fan Fokeltje Yefs Hoekstra; f 2.000,00
-1-7-1862: Christiaan Carel Lochnaar Duhoux te Ouwesyl; f 3.200,00
-1-7-1862: deselde as boven; kapitaal: f 6.000,00
-6-7-1862: Jan Visser te Froubuurt, man fan Jannigje Slim; kapitaal: f 2.000,00
-29-5-1863: Mintje Aukes Ferwerda te Ferwert; f 800,00
-25-7-1863: Klaas Hendriks Westra te St.-Jabik; f 1.500,00.
Jan Andeles Palsma laat na op 30-9-1863 an
-Feike Joukes van Schepen te Froubuurt twee húzzen met anbehoren en ’t fruchtgebrúk fan fier stikken lând; sien Genealogy Van Tuinen II.1.2
-syn suster Antje Andeles Palsma, wede fan Hotze Bontjes Meintema te Wirdum, fier stikken lând.
Eksekuteurtestemintêr is: Arjen Johannes Hoitsma te Froubuurt; netaris: Egbertus Petrus Brunger te Froubuurt; Repertoire: 134040
4 Tjitske Andeles Palsma * Palsma state, Wurdum 25-5-1792 ~ Wurdum 17-6-1792
5 Jacob Andeles Palsma, folget VI.3
6 Tjitske Andeles Palsma * Palsma state, Wurdum 14-1-1795 ~ Wurdum 1-2-1795 † Raard (Rdh.) 29-3-1865, 70 jier; docht 3-5-1818 belidenis te Raard; boerinne te Raard
x Ljouwerteradiel 29-5-1814, 24 en 19 jier, Doeke Dirks Valkema * Raard 10-9-1790 ~ dêr 19-9-1790 † dêr 18-5-1849, 58 jier; docht yn 1815 belidenis te Raard; boer te Raard; assessor fan Raarderhim; sn f. Dirk Wouters Valkema, boer te Raard, en Hendrikje Thomas Dotinga
7 Antje Andeles Palsma * Palsma state, Wurdum 13-1-1797 ~ Wurdum 12-2-1797
8 Antje Andeles Palsma * Palsma state, Wurdum 19-7-1799 ~ Wurdum 11-8-1799 † dêr 4-3-1864, 64 jier; by ferstjerren boerinne ûnder Wurdum;
x Ljouwerteradiel 12-5-1821, beide 22 jier, Hotze Bontjes Meintema * Mantgum 15-8-1798 ~ dêr 19-8-1798 † Wurdum 17-7-1857, 58 jier; by x boer te Mantgum, yn 1835 te Skillaard; sûnt 1836 boer te Reduzum, yn 1849 noch; yn 1852, ’56, ’57 boer ûnder Wurdum; sn f. Bontje Meintes Meintema, boer te Mantgum en Skillaard, en Antje Jentjes Siderius
9 Arjen Andeles Palsma * Palsma state, Wurdum 13-1-1802 ~ Wurdum 7-2-1802
10 Arjen Andeles Palsma * Palsma state, Wurdum 14-9-1803 ~ Wurdum 2-10-1803
11 Dirk Andeles Palsma, folget VI.4
Andele Hindriks nimt op 15-1-1812 de namme Palsma oan foar him en syn bern Hindrik – der stiet net Hendrik, lykas wenst yn ’e offisjele Boargerlike Stân -, Jannigje, Jan, Jacob, Tjitske, Antje en Durk – ynstee fan it offisjele Dirk
§ Twa Palsma-pleatsen: state en sate
Te Wurdum komme twa pleatsen foar mei de namme Palsma:
–Palsma State: Noardein 4, te Wytgaard ûnder Wurdum – stim 39
–Palsma sate, Piskhoarnsterdyk 1, op Barhûs ûnder Wurdum – stim 31
Palsma state op Noardein 4 te Wytgaard ûnder Wurdum, yn 1997
Foto: M. Hoekstra, Beskieden Jacob Andeles Palsma, eigen behear, Wurdum, 1998
Palsma sate op Barhûs ûnder Wurdum, yn 1988
Foto: M. Hoekstra, Beskieden Jacob Andeles Palsma, eigen behear, Wurdum, 1998
Hjirûnder in oersicht fan ’e pleatsen fan Grietje Doekes Rinia en har bruorren.
Yn 1728 binne eigners en brûkers fan ’e folgjende pleatsen ûnder Wurdum:
-stim 29 (floreennûmer 72) – eigners: Syger, Jan en Grietje Doekes Rinia: 1/2 part, Douwe Jans en frou ¼ en Abr. Jurjens en frou ¼; brûker: Olphert Gatses
-stim 39 (floreennûmer 71) – eigners: idem; brûker: idem
-stim 63 (floreennûmer 94) – eigners sawol as brûkers: Syger, Jan en Grietje Doekes Rinia
-stim 37 (floreennûmer 70) – eigners sawol as brûkers: Syger, Jan en Grietje Doekes Rinia.
Yn ’e Prekadstrale atlas komme de boppesteande pleatsen ynklusyf de Piskhoarnsterdyk 1 foar:
Floreenkohier 1700
nr 29/72, 33 pm. – eigner en brûker: widdo Tjalling Tiaards
nr 39/71, 56 pm. – idem
nr 63/94, 20 pm. – eigner: widdo Tjalling Tiaards en Duco Jans; brûker: Laas Dirks
nr 37/70, 101 pm. – eigner: J.L. van Doijs en frou; brûker: Tiaard Zannes
nr 31/173, 49 pm. – eigner: Willem Verruci; brûker: Pieter Sypts
Stimkohier 1640/1698
nr 29/72 – eigner: Syouck Diorres; brûker: Dirck Sjoerds
nr 39/71 – eigner: Sicke Palma; brûker Tiaard Tialles
nr 63/94 – eigner: 1698 widdo Coeltis; brûker: Laas Dirks
nr 37/70 – eigner: Houwerda; brûker: Wob Iges Siccama
nr 31/173 – eigner: Glinstra; brûker: Jan Claesen.
Yn De tegenwoordige staat van Wirdum fan Doeke Wygers Hellema wurde de pleatsen sa beskreaun:
nr 29/72, side 17 nr 10 (net alheel wis) – eigner: Dirk Klazes Terpstra; brûker: syn broer Anne Klazes Terpstra
nr 39/71, side 17 nr 11 – neamd Palsma state, hjoeddedei Noardein 4, Wytgaard – eigner: Andele Hendriks Palsma en frou; brûker: syn soan Hendrik Andeles Palsma
nr 63/94, side 20 nr 21 – eigner en brûker widdo Tæke Doekes Roorda (sjoch: Sideriusboek, side 534)
nr 37/70, side 18 nr 13 – eigner: Andele Hendriks Palsma en frou, waarvan 50 pm denzelven onlangs bij erfenis aangekomen en de overige ½ benevens de huizinge en schuur aangekocht voor 25000 gl. Bewoond en gebruikt door schoonzoon Jan Dirks Valkema
nr 31/173 – ek neamd Palsma sate – eigner en brûker: Andele Hendriks Palsma.
Grif hat Andele Hendriks Palsma sels earst op stim 39 buorke en doe de namme Palsma oannommen, dy’t letter oergong op stim 31.
GENERAASJE VI
VI.1 Hendrik Andeles Palsma * Barhûs ûnder Wurdum 22-1-1788 ~ Wurdum 10-8-1788 † Menaam 17-9-1826 [] Bitgum, wierskynlik rige 16, grêf 8; húsman op Palsma state te Wurdum; sûnt 1825 bouboer op Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole; tsjerkfâd te Bitgum; kommitearde earmfâdij Bitgum;
x Wurdum 26-8-1810, hy fan Wurdum, sy fan Bitgum, Metje Louws Osinga * Grut Fellingwurd Menaam ûnder Bitgum 2-1-1792 ~ Bitgum 11-3-1792 † dêr 24-2-1856, 64 jier, hûsnr 183 [] Bitgum 28-2-1856, rigel 16, grêf 7; boerinne op Palsma sate ûnder Wurdum; sûnt 20-11-1825 op Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgum, by ferstjerren sûnder berop te Bitgum; dr f. Louw Arjens Osinga; boer op Grut Fellingwurd op Fjouwerhûs ûnder Menaam; gemeenteriedslid en wethâlder fan Menameradiel; earmfâd en kommitearde gemeentlike earmfâdij te Bitgum, en Saapke Johannes (yn stjerakte fan Metsy neamd mei de achternamme: Wijngaarden);
Metsy x 2 op houlikse betingsten, Menameradiel 25-3-1829, 37 en 25 jier, Marten Ouwes de Boer * Furdgum 1804 † Bitgum 30-5-1869 [] Bitgum, rigel 16, grêf 8; yn 1811 bouboer te Minnertsga; wennet yn 1813, ’21 te Tsjummearum; by trouwen sûnder berop te Furdgum; nei syn boask bouboer op Lyts Aysma (nr 99; letter wennet er op F nr 183 Bitgum); yn 1849 en by syn ferstjerren rintenier te Menaam (Bitgum); lântaksateur; tsjerkfâd te Bitgum; sn fan Ouwe Martens de Boer en Jeltje Gerryts Orsma, bouboeren te Furdgum (F nr 7)
Bern fan Metsy en Marten:
1 Ouwe Martens de Boer * Lyts Aysma, Dyksterhuzen 15-3-1830 † dêr 15-4-1830, 1 moanne
2 Ouwe Martens de Boer * Lyts Aysma, Dyksterhuzen 20-7-1831; yn 1856 teologysk studint te Grins
3 Aaltje Martens de Boer * Lyts Aysma, Dyksterhuzen 20-10-1833 † dêr 21-5-1838, 4 jier
4 Johannes Martens de Boer * Lyts Aysma, Dyksterhuzen 9-9-1835 † Huzum 3-4-1906, 70 jier; bouboer, hy wennet yn 1848 te Menaam, yn 1869, ’84, ’89 te Froubuorren; wennet yn by syn healbroer Arjen Hendriks Palsma oan ’e Ouwedyk 201 ûnder St.-Anne en mei Arryn syn ferstjerren yn maart 1896 is Jehannes oant maaie 1897 bouboer op dy pleats; by ferstjerren sûnder berop te Huzum
Bern:
1 Andele Hendriks Palsma * Palsma sate, Wurdum 12-5-1811 ~ dêr 16-6-1811 (yn Doopboek: Andle) † Lyts Aysma, Dyksterhuzen 31-10-1841, 30 jier; docht op 15-5-1840 belidenis te Bitgum; by ferstjerren sûnder berop op Lyts Aysma; Andele lit in saldo nei fan f 5.336,69; ûnder syn littenskip is ûnreplik guod
2 Louw Hendriks Palsma, folget VII.1
3 Saapkje Hendriks Palsma (ek: Saapke; by de berte ynskreaun as: Saapkje) * Palsma state, Wurdum 7-3-1814 † Goutum 7-4-1892, 78 jier; by trouwen sûnder berop op Lyts Aysma; dêrnei boerinne te Wurdum; ferfart dêrwei op 8-5-1885 nei Bears; by ferstjerren sûnder berop te Goutum;
x 1 Ljouwerteradiel 20-4-1834, 20 en 22 jier, Melle Andries Smeding * Wurdum 7-7-1826 † dêr 28-7-1849, 36 jier, hûsnr 27); by trouwen sûnder berop te Wurdum, dêrnei dêr greidboer; sn fan Andries Dooitzes Smeding en Akke Sytses Dotinga, boeren te Wurdum;
x 2 Ljouwerteradiel 6-4-1853, 39 en 26 jier, Andries Sytses Smeding * Reduzum 7-7-1826 † Wurdum 4-7-1884; by trouwen en dêrnei greidboer te Wurdum (nrs 24, 52); sn fan Sytse Andries Smeding en Grietje Sytses Bruinsma, greidboeren te Reduzum
4 Jan Hendriks Palsma, folget VII.2
5 Arjen Hendriks Palsma, sjoch foar him en syn neiteam: Palsma’s op ’t Bildt
6 Jacob Hendriks Palsma * Palsma state, Wurdum 9-3-1820 † Stiens 9-8-1890, 70 jier, hûsnr 451; docht 2-6-1850 belidenis te Wurdum; yn 1845, ’56, ’64 nôtmûnder te Hijum; by trouwen en yn 1880 gernier te Stiens, by ferstjerren dêr sûnder berop; earmfâd te Hijum;
x Ljouwerteradiel 6-3-1875, 54 en 43 jier, Aafke Jans van der Veen * Oentsjerk 23-3-1831 † Bitgum (Menaam) 30-8-1898, 67 jier; by trouwen sûnder berop te Stiens; dr fan Jan Hinnes van der Veen, fisker te Oentsjerk, en Antje Jans Dekking
Jabik keapet op 7-3-1845 fan Allert Jelles Staphorsius te Hijum in roggemole mei hûs te Hijum; keapsom: f 4.100,00; notaris: Johannes Adam Schaaff te Stiens; Repertoire: 128039;
Jabik ferkeapet 10-10-1853 oan Pieter Pieters Ritsma te Stiens in nôt of pelmole mei hûs, fierder ‘getimmerte’, hiem en grûn; notaris: Egbertus Petrus Brunger te Froubuorren; Repertoire: 134040
Jabik ferkeapet op 12-12-1873 oan Johannes Jacobs van der Leij te Hijum en Hein Jacobs van der Leij te Hallum in hûs mei grûn te Hijum; keapsom: f 1.300,00; notaris: Johannes Adam Schaaff te Stiens; Repertoire: 128077
7 Grietje Hendriks Palsma * Palsma state, Wurdum 4-3-1821 † Menaam 11-2-1853, 31 jier, hûsnr 5, [] Menaam; by trouwen sûnder berop op Lyts Aysma; keapmansfrou en bouboerinne te Menaam;
x Menameradiel 1-6-1842, 21 en 26 jier, Andries Franses Gerbens * Menaam 1-4-1816 † dêr 27-6-1888, 72 jier, [] Menaam; keapman en bouboer te Menaam (nrs 89, 143); by syn ferstjerren noch keapman; sn fan Frans Andries Gerbens, keapman te Menaam, en Trijntje Ædes Stapensea;
Andrys x 2 Menameradiel, 18-11-1857, 41 en 22 jier, Maartje Feikes van Schepen * Froubuorren 26-12-1834 † Menaam 19-3-1871 34 jier; by trouwen sûnder berop te Froubuorren, dêrnei keapmansfrou te Menaam; dr fan Feike Joukes van Schepen en Rinske Pieters van der Tuin, bouboeren te Froubuorren; sjoch: Genealogy Van Tuinen II.1.2
8 Gertje Hendriks Palsma (ek: Geertje; by de berte ynskreaun as: Gertje) * Palsma state, Wurdum 8-6-1822 † Hallum 7-3-1891, 68 jier, [] Bitgum rigel 8, grêf 2; by trouwen sûnder berop ûnder Hallum, dêrnei dêr boerinne;
x Ferwerteradiel 12-6-1845, 23 en 25 jier, Harmen Gerrits Postma * Hallum 1-1-1820 † dêr 6-12-1883, [] Bitgum rigel 8, grêf 1; by trouwen boer ûnder Hallum; yn 1849, ’54, ’56 boer te Bitgum; yn 1859, ’65, ’73, ’82 idem ûnder Hallum; sn fan Gerrit Gerrits Postma en Lysbert Jans Brolsma, bouboeren ûnder Hallum
9 Johannes Hendriks Palsma * Palsma state, Wurdum 10-9-1824 † dêr 26-3-1828, 3 jier, hûsnr 99
10 Hendrikje Hendriks Palsma * Lyts Aysma, Dyksterhuzen 2-8-1826 † Berltsum 16-2-1905, 78 jier; by trouwen sûnder berop op Lyts Aysma; sûkereidrûgerske te Berltsum (471, 199), as widdo dêr neamd ‘fabrikante’ (hûsnr 407); yn 1883 dêr sûnder berop;
Hendrikje wurdt seis wiken foar har heites ferstjerren geboaren en ynskreaun as: Ymkjen; mem Metsy lit by Akte fan rektifikaasje, d.d. 9-10-1826 de namme Ymkjen feroarje yn Hendrikje, neamd nei har ferstoarne man
x Menameradiel 23-5-1849, 22 en 28 jier, Gerhard Aukes van der Meij * Berltsum 4-1-1821 † dêr 15-3-1870, 49 jier, hûsnr 171; by trouwen sûnder berop te Berltsum; keapman en sûkereidrûger te Berltsum; stienfabrikant (nrs 172, 407); sn fan Auke Lourens van der Meij, timmerman te Berltsum, en Janne Jans Postma
Lyts Aysma op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole, hjir buorkje Hindrik Andeles Palsma en Metsy Louws Osinga. De pleats is Anno 2023 foar de fjirde generaasje yn gebrûk by de famyljes Brechtje Andringa-Brouwer, Brechtje Wartena-Brouwer, Reimer en Bauk Wartena-Brouwer, Maatskip Albrecht en Jouke Wartena; bewenner: Gerben Reimers Wartena
Foto: Lucht Foto Nederland
VI.3 Jacob Andeles Palsma * Palsma state, Wurdum 9-11-1793 ~ dêr 17-11-1793 † Wurdum 21-6-1869, 75 jier, [] Wurdum; boer te Boazum, sûnt 1826 te Wurdum; yn 1835 boer te Winsum, by ferstjerren rintenier te Wurdum;
Feefokker, bestjoerslid Friesch Rundvee Stamboek VX14_cover.indd (wur.nl)
x Ljouwerteradiel 15-5-1816, 22 en 19 jier, Etje Bontjes Meintema * Mantgum 23-1-1797 ~ dêr 29-1-1797 † Mantgum 22-7-1817, 20 jier, hûsnr 22; by trouwen en oant har ferstjerren boerrinne te Mantgum; dr fan Bontje Meintes Meintema, assessor fan Ljouwerteradiel, tsjerk- en earmfâd te Mantgum, en Antje Pieters Siderius, húslju te Mantgum;
x 2 Ljouwerteradiel 12-6-1819, beide 25 jier, Grietje Sjoerds Algera * Mantgum 27-5-1794 ~ dêr 8-6-1794 † Wurdum 13-6-1868, 74 jier; dr fan Sjoerd Aukes Algera en Wintje Piers Swierstra, húslju te Mantgum
Bern út it earste boask:
1 Ettje Jacobs Palsma * Mantgum 14-7-1817 † Stiensgea 8-10-1846, 29 jier; by de berte oanjûn by de Boargerlike Stân as Grietje, nei it ferstjerren fan har mem feroare yn: Ettje; Etsje docht op 26-9-1836 belidenis te Wurdum; by trouwen dêr sûnder berop; komt op 29-4-1844 mei har man mei attestaasje út Sleat yn Oerterp; komt dêrwei op 31-5-1845 idem yn Eastermar; komt dêrwei idem op 25-5-1846 yn Stiensgea;
x Ljouwerteradiel 29-10-1836, 19 en 22 jier, Sybe Bienses Vogel (ek: Siebe, Sijbe; by de berte ynskreaun as: Sybe, twilling mei Anne) * Wurdum 30-10-1814 † Surhústerfean 16-9-1849, 34 jier; by trouwen hiel- en froedmaster te Wurdum; letter ek neamd genês-, hiel- en froedmaster en sjirurgyn, yn 1837 te Hurdegaryp; yn 1842 te Sleat, dêr ‘chirurgijn’; yn 1843 te Oerterp; yn 1845 te Eastermar, yn 1846 te Stiensgea, sûnt 30-11-1847 te Surhústerfean; sn fan Biense Pieters Vogel, timmerman te Wurdum, en Meino Kornelis Leegsma;
Sybe x 2 Achtkarspelen 25-3-1847, 32 en 34 jier, Tijtia Feenstra (ek: Titia, Tytia; by de berte ynskreaun as: Tijtia) * Aldeboarn 25-2-1813; by earste boask sûnder berop te Burgum, by twadde idem te Driezum; dr fan Petrus Horrius Feenstra, ‘medidinæ doctor’ en froedmaster, yn 1789 te Marsum, yn 1813 te Aldeboarn, 1823 te Kimswert, yn 1831 te Kûkherne ûnder Burgum, yn 1856, ’57 te Twizel, en Sytske Arends Mulder
Tytia x 2 Dantumadiel 19-12-1853, 40 en 47 jier, Harmen Gabes Visser * Sleat 11-6-1806 ~ dêr 22-6-1806; yn 1825 en by earste houlik keapman te Sleat, wennet yn 1835 te Starum, yn 1836 skipper te Grou, yn 1837 te Sleat (hiert dan foar f 168,00 in tsjalk fan syn mem), yn 1853 skipper te Aldeboarn, wennet yn 1845, ’46 te Haskerhoarne, yn 1850 idem op ’e Jouwer, wenjend yn syn skip, yn 1852 te Sleat, wennet yn 1854 te Aldeberkeap, yn 1858 skippersfeint te Amsterdam, wennet dêr noch yn 1860, yn 1883 seeman op ’e Lemmer; sn fan Gabe Baukes Visser, skipper en keapman te Sleat, wethâlder fan Sleat, en Hinke Bouwes de Jong (tekenet yn 1833: Hynke), skipperske en winkelfrou te Sleat;
Harmen x 1 Sleat 14-4-1833, 27 en 31 jier, Jintje Fritskes Hepkema (ek: Intje, wurdt yn akten ferbettere yn Jintje) * Sint Nyk 3-6-1801 ~ dêr 28-6-1801 † De Jouwer 11-9-1850, 49 jier, hûsnr 29; by trouwen en ferstjerren sûnder berop; dr fan Fritske Hepkes Hepkema en Ypkjen Jacobs Baaima (ek: Bayma; tekenet de trouakte fan Intsje as: Ypken Jacobs Baema), boeren te Sint Nyk en Dûnegea
Bern út it twadde houlik Jabik Andeles Palsma:
2 Grietje Jacobs Palsma * Boazum 13-4-1820 † Wurdum 19-11-1904, 84 jier; by beide houliken sûnder berop; greidboerinne ûnder Warstiens en Wergea (nr 8); ferfart dêrwei op 10-5-1876 nei Wurdum (nrs 176, 287K), dêr sûnder berop;
x 1 Ljouwerteradiel, 21-5-1841, 21 en 25 jier, Symon Lammerts Kalfsbeek (ek: Kalsbeek, tekenet trou-akte mei Kalfsbeek, letter: Kalsbeek) * Ægum 14-3-1816 † Warstiens ûnder Wergea 19-4-1879; 58 jier; by trouwen greidboer te Ægum, dêrnei te Warstiens ûnder Wergea; sn fan Lammert Ages Kalfsbeek (ek: Lambert) en Freerkje Symons Stienstra (ek: Frerikje), greidboeren te Ægum;
Gryt Palsma ferkeapet yn ’e mande mei har bern Jacob, Lammert, Hendrik Symons Kalsbeek allegear te Wergea oan Tettje Dorhout te Ljouwert in sate en lân te Wergea; notaris: Horatius Albarda te Ljouwert;
Repertoire: 078145
Gryt keapet op 10-11-1880 fan Bokke Hessels Dijkstra, arbeider te Dedzjum, in hûs te Wurdum; keapsom: f 506,00; notaris: Pieter Boltjes te Grou; Repertoire: 046084
3 Hendrik Jacobs Palsma * Boazum 27-7-1821 † Wurdum 21-11-1894, 73 jier; by trouwen sûnder berop te Wurdum;
x 1 Ljouwerteradiel 6-5-1847, 25 en 29 jier, Grietje Jans van der Wal * Wurdum; by beide houliken sûnder berop te Wurdum; dr fan Jan Klzes van der Wal en Hylkje Broers Piersma, boeren te Wurdum
x 2 Ljouwerteradiel 24-5-1883, 27 en 61 jier, op houlikse betingsten, Geertje Gorrelts de Vries * Reduzum; by trouwen sûnder berop te Wurdum; dr fan Gorrelt Eelkes de Vries, arbeider te Reduzum, en Hiltje Jans Alma
4 Tjerk Jacobs Palsma * 25-8-1823
5 Sjoerd Jacobs Palsma * Boazum 1824 † 25-3-1902, 78 jier; by earste boask sûnder berop te Wurdum; by twadde houlik boer te Goaiïngea; yn 1869 boer ûnder Britswert;
x 1 Ljouwerteradiel 6-5-1847, 23 en 22 jier, Froukje Tækes Bloemhof * Wurdum; by trouwen sûnder berop te Wurdum; dr fan Tæke Kornelis Bloemhof en Sjoukjen Sjoerds Boonstra, boeren te Wurdum;
x 2 Ljouwerteradiel 7-5-1852, 28 en 33 jier, Trijntje Hettes Klaversma * Goaiïngea; by trouwen en dêrnei boerinne te Goaiïngea; dr fan Hette Sjoerds Klaversma en Tjipkjen Ales, boeren te Goaiïngea
6 Andele Jacobs Palsma * Boazum 4-4-1825 † Wurdum 20-9-1930, 5 jier
7 Wintje Jacobs Palsma * Wurdum 26-4-1827 † 3-5-1905, 78 jier;
x Ljouwerteradiel 11-5-1850, 23 en 24 jier, Broer Dooitses Eekma * Wurdum; by trouwen en dêrnei boer te Wurdum; yn 1869 boer ûnder Huzum; sn fan Dooitze Broers Eekma en Aaltje Heines Geertsma, boeren te Wurdum
8 Pierkje Jacobs Palsma * Wurdum 21-9-1829 † 11-12-1903, 74 jier; NH; by beide houliken sûnder berop te Wurdum; dêr boerinne (nr 327); ferfart dêrwei op 8-5-1880 nei Ljouwert (Achter de Hoven U177, Harnzerstrjitwei BB2a, BB6), ferhuzet op 10-5-1893 nei Huzum, mei har twadde man, sjoch dêr;
x 1 Ljouwerteradiel 21-5-1853, 23 en 29 jier, Klaas Jans van der Wal * Wurdum 8-3-1824 † Wurdum 6-7-1870, 47 jier, nr 162; by trouwen fan boerebedriuw te Wurdum; dêrnei dêr groatmakker, by ferstjerren dêr sûnder berop; sn fan Jan Klazes van der Wal, 1818, ’24 arbeider te Wurdum, en Hylkje Broers Piersma, boeren te Wurdum;
x 2 Ljouwerteradiel, 27-8-1874, 44 en 51 jier, ûnder houlikse betingsten, Feike Wybrens Boonstra * Himpens 1-8-1823 † Ljouwert 7-5-1908, 84 jier; DG, ~ op belidenis, Wergea 29-4-1849); sûnt syn houlik boer by syn frou op ’e pleats te Wurdum (nr 327); taksateur fan ûnreplik guod; wennet yn 1880, ’86, ’88, ’92 te Ljouwert; yn 1892 te Huzum; 10-5-1893 dêr boer (nrs 67, 327, 95, 93) komt mei 81 jier op 21-1-1904 yn te wenjen by syn pleechbern Hylkje Klazes van der Wal (NH) en Teije Jentjes Algera en dy har twa dochters, greidboeren te Weidum (18, 28); ferhuzet dêrwei op 21-11-1904 nei it gesin fan syn omkersizzers Feike Melles Boonstra en Emke Pieters Ringnalda (DG), mei dy har bern en pake Melle, greidboeren te Deinum (nrs 77, 169), Feike ferhuzet mei dy hiele húshâlding dêrwei op 30-5-1905 nei Ljouwert, Gysbert Japicxstrjitte U 12, (omkesizzer Feike is dêr mûnersfeint), by ferstjerren is Feike Wybrens dêr sûnder berop; sn fan Wybren Sjoerds Boonstra en Attje Melles Rinsma, greidboeren te Himpens (110)
Feike Wybrens Boonstra is neist boer taksateur fan ûnreplik guod en keapet en ferkeapet gâns lân en huzen, benammen yn ’e omkriten fan Wurdum; hy is tagelyk gauris jildsjitter. Dat er mei Pierkje ûnder houlikse betingsten trout, sil dêr mei te krijen hawwe.
Feike keapet op 9-9-1886 fan Laurens Adriaan de Selle te Ljouwert en Cornelis Abels Wiersma te Amsterdam in sate en lân te Readtsjerk; keapsom: f 19.688,00; notaris: Sybrandus Posthumus te Gytsjerk; Repertoire: 043041
9 Jan Jacobs Palsma * 1-3-1835 † 18-10-1860, 25 jier
10 Andele Jacobs Palsma * 10-12-1831 † Wurdum 7-6-1894, 62 jier
§ Grietje wurdt Ettje nei memmes ferstjerren
Acht dagen neidat Etsje Jabiks Palsma geboaren is, ferstjert har mem Etsje Bontsjes Meintema. Etsje stie al ynskreaun as Grytsje, mar har heit lit dy namme omsette yn dy fan har mem.
Oantekening yn ’e geboarte-akte fan Etsje, har namme wurdt feroare út Grietje, yn ’e kantline:
ten verzoeke van de/vader is aan dezen/zijne dogter na/het overlijden van/deszelfs moeder/de naam gegeven/van Ettje in/plaats van die/van Grietje zo als/in nevenstaande/acte was gemeld/…/
§ Erven Palsma ferkeapje sate en lân te Froubuorren
Op 11-9-1880 ferkeapje Wintje, Pierkje, Grietje, har dochter Hylkje Klazes van der Wal, en Hendrik Jacobs Palsma oan jonkfrou Geertrui Vegelin van Claerbergen en Petrus Johannes van Beyma, frou en man te Den Haach, in sate en lân te Froubuorren; keapsom: f 87.059,00; notaris: Horatius Albarda te Ljouwert; Repertoire: 078145
VI.4 Dirk Andeles Palsma
GENERAASJE VII
VII.1 Louw Hendriks Palsma * Palsma sate, Wurdum 26-10-1812 † Easterlittens 13-12-1876, 64 jier; by trouwen arbeider te Bitgum; gernier te Wurdum; 1839-1876 boer op Adema state op Skrins 1 ûnder Easterlittens (Littens nr 12, letter 21, 74 pûnsmiet); yn 1845 diaken, yn 1860 âlderling te Littens; 1862-1876 dêr tsjerkfâd
x Menameradiel 15-8-1838, 25 en 22 jier, Tietje Pieters Siderius * St.-Anne 5-6-1816 † Easterlittens 23-2-1901, 84 jier; by trouwen sûnder berop te Bitgum; 1876-1878 as widdo boerinne op Adema state; dr f. Pieter Everts Siderius, boer te St.-Anne en Bitgum, en Tjitske Broers Dijkstra
Tietje Pieters Siderius en Louw Hendriks Palsma. Kolleksje Hoekstra-Hoitsma, St.-Jabik:
As Louw en Tytsje op Adema state buorkje – de earsten fan trije generaasjes Palsma – wurdt de pleats yn 1847 folslein ferboud, yn 1861 wurdt it lytshûs oanboud. De pleats beslacht fanâlds 74 pûnsmiet; earste kadaster nr C 458; oare perseelnrs neffens it floreenkohier 1858: C 397, 428, 429, 430, 431, 432, 454, 455, 456, 457, 459 en 482.
Boarne û.o.: Jolt Oostra Rzn – Uit de geschiedenis van Oosterlittens – Toponymy fan Easterlittens, Van der Eems, Easterein, 1985.
Bern:
1 Hendrik Louws Palsma, folget VIII.1
2 Pieter Louws Palsma * Easterlittens 16-5-1841 † dêr 4-2-1842, 8 moanne
3 Pieter Louws Palsma * Easterlittens 1-2-1843 † dêr 16-10-1879, 36 jier; by ferstjerren sûnder berop te Easterlittens
4 Mettje Louws Palsma * Easterlittens 22-7-1845; emigreard nei de USA;
x Baarderadiel 16-5-1866, beide 20 jier, Rients Sytses Kamstra * Easterlittens 1846; fellebleater te Baard; sn f. Sytse Rientses Kamstra, 1856-1860 boer op Æsgema state (Littens nr 3, letter neamd Peyma state) op Wiûwens 4 ûnder Littens; 1854-1872 tsjerkfâd, en Trijntje Pieters Siersma
5 Tjitske Louws Palsma * Easterlittens 2-5-1848 † Huzum 17-6-1924, 76 jier
x Baarderadiel 8-5-1872, 24 en 26 jier, Andele Melles Smeding * Wurdum 1846; sn f. Melle Andries Smeding en Saapke Hendriks Palsma
Tjitske Palsma en Andele Smeding. Fotograaf: J.H. Slaterus, Ljouwert. Kolleksje Hoekstra-Hoitsma
Borduersel fan Tsjitske Louws Palsma, makke yn 1872. Jezus en de Samaritaanske frou. Kolleksje Piet Goffe Hoitsma
6 Grietje Louws Palsma * Easterlittens 16-1-1851 † Huzum 18-3-1918, 67 jier
x Baarderadiel 10-5-1873, 22 en 28 jier, Riemer Sybrens van der Meulen * Easterlittens 1845; by trouwen sûnder berop, 1874-1900 boer op syn âlderspleats op Wammert (Littens nr 15, 63 pûnsmiet); tsjerkeriedslid, 1892-1899 tsjerkfâd, sn f. Sybren Riemers van der Meulen, 1837-1874 boer op Wammert, tsjerkeriedslid, 1845-1881 tsjerkfâd, en Geertje Aans de Wal; gjin bern
7 Geertje Louws Palsma * Easterlittens 30-8-1853 † dêr 3-12-1893, 40 jier
x Baarderadiel 15-5-1875, 21 en 20 jier, Symon Hylkes Reisma * Bitgum 29-8-1854 † dêr 7-7-1896, 44 jier, [] Bitgum, rigel 30, grêf 12; Symen hat op 24-4-1874 as ramplesant foar de militêre tsjinst Jan Buwalda fan St.-Anne; Symen wurdt om 1874 hinne learling gruthannel neamd; hy komt op 9-5-1874 út Bitgum yn Littens; by trouwen sûnder berop te Bitgum, yn 1875, ’82 idem te Easterlittens (hûsnrs 4, 12,14); stiet yn 1894 ûnder kuratele fan syn heit; sn f. Hylke Symons Reisma, timmerman, arsjitekt en gemeente-arsjitekt te Bitgum, en Rinske Pieters Siderius
Dochter: Tietje Reisma (Tiete) * Easterlittens 3-2-1882 † Ljouwert, Ferlingde Skrâns 33, 22-2-1952, 70 jier, [] Huzum; ferfart op 9-4-1894 as wees nei har pake Hylke en syn twadde frou Neeltje Bruin te Bitgum (hûsnr 127 bûten); Tiete ferfart op 15-8-1899 dêrwei nei Huzum (B hûsnrs û.o. 135, 154); earelid Griene Krús Huzum-Lekkum-Miedum
Ljouwerter Krante, 5 en 8-12-1893, Geartsje har skoanâlden litte in rou-advertinsje sette, Symen is sa’t skynt net by steat
Roubrief fan Tietje Simons Reisma. Kolleksje Hoekstra-Hoitsma, St.-Jabik:
8 Houkje Louws Palsma * Easterlittens 2-10-1856 † Súdlaren 22-1-1927, 70 jier; by trouwen sûnder berop te Easterlittens; ferhuzet Alde Maaie 1878 nei Winsum; ferhuzet 1-4-1902 nei Súdlaren; ferfart 31-5-1902 út Huzum (hûsnr B149) nei Súdlaren, har dochter Tætske (* Winsum 7-5-1886) ferhuzet dan nei Winsum; komt 20-5-1904 út Huzum yn Winsum (hûsnrs 108, 174); Houkje ferhuzet 11/16-9-1913 dêrwei wer nei Huzum (hûsnr E 14); se ferfart 13-10-1915 nei Dennenoord, Súdlaren; se komt 17-10-1916 yn te wenjen by de widdo S. Reisma (=har suster Geertje) te Aldtsjerk (nr 68); se ferfart dêrwei op 6-4-1920 nei it gesticht yn Súdlaren; wennet by ferstjerren yn Tytsjerksteradiel, hat it adres fan Geartsje blykber oanhâlden as wenadres;
x Baarderadiel 1-5-1878, 21 en 27 jier, Eelke Yebs Dijkstra * Sweins 23-5-1850 † Winsum 25-4-1901, 50 jier; greidboer te Winsum (hûsnrs 23, 10); sn f. Yeb Klazes Dijkstra en Tætske Eelkes Poelstra, yn 1845, ’50 boeren te Sweins, hy yn 1852 keapman te Dronryp, yn 1854, ’55 boeren te Winsum (hûsnr 25), idem yn 1867 wer te Sweins; 3 bern
VII.2 Jan Hendriks Palsma * Palsma state, Wurdum 26-11-1817 † Bitgum 29-9-1856, 38 jier, [] Bitgum, rige 7, grêf 4; NH; yn 1842, ’43, ’54, ’55, ’56 bakker te Bitgum;
x Menameradiel 26-5-1843, 25 en 26 jier, Hendrika Heerkes Dijkstra (ek: Hendrca; by de berte ynskreaun as: Hendrika) * Berltsum 13-10-1816 † dêr 26-3-1882, 65 jier; NH; sûnt Alde Maaie 1860 mei har bern gernierske te Berltsum (nr 120), yn 1870 dêr sûnder berop, rintenierske; dr f. Heerke Willems Dijkstra, ryksûntfanger – ‘recepteur – te Berltsum, en Yttje Hendriks van der Meer
Bern:
1 Hendrik Jans Palsma, folget VIII.2
2 Heerke Jans Palsma, folget VIII.3
3 Andele Jans Palsma, folget VIII.4
4 Yttje Jans Palsma * Bitgum 14-3-1852 † Berltsum 14-1-1867, 14 jier
5 Mettje Jans Palsma * Bitgum 7-1-1854 † Wierum (Grinslân) 15-10-1927 [] Wierum (Grinslân); by x sûnder berop te Berltsum
x Menameradiel 9-10-1884, 30 en 29, Sytze Wybrens Jorritsma * Wolsum 11-10-1854 † Wierum (Grinslân) 18-3-1925; by x sûnder berop te Kubaard; letter boer te Wierum, ’t Hoge Lând, Grinslân; sn f. Wybren Jorrits Jorritsma en Trijntje Rommerts Tacoma, boeren te Kubaard,
6 Geertje Jans Palsma * Bitgum 1-10-1855 † Huzum 10-2-1940, 84 jier; by trouwen sûnder berop te Berltsum;
x Menameradiel 11-10-1883, beide 28 jier, Rienk Johannes van der Ley * Hijum 15-4-1855 † Húzzum 17-12-1936, 81 jaar; rogge- en pelmolner te Froubuurt; sn f. Johannes Jans van der Ley, in 1842 boer te Froubuurt, in 1851 te Hallum, in 1853, ’55 te Hijum, in 1883 rogge- en pelmolner te Froubuurt, en fan Janke Gerrits Postma
GENERAASJE VIII
VIII.1 Hendrik Louws Palsma * Bitgum 9-6-1839 † Ljouwert 10-8-1908, 69 jier; by syn trouwen te Easterlittens; sûnt boer op Hoitinga state ûnder Winsum; 1878-1906 boer op syn âlderspleats Adema state op Skrins ûnder Easterlittens (de pleats wurdt yn 1905 troch de lânhearre ferkocht); 1887-1890 tsjerkfâd te Littens;
x 1 Baarderadiel 24-5-1862, 22 en 20 jier, Pietje Rintjes Boersma * Wommels 7-12-1841 † Easterlittens 18-7-1905, 63 jier; dr f. Rintje Klazes Boersma, boer te Wommels, en Antje Sjoerds de Jong
x 2 Ljouwert 10-5-1906, 66 en 51 jier, Johanna Alberdina Kremer * Emmen 11-3-1855 † De Jouwer 8-1-1928, 72 jier; yn 1874 sûnder berop te Wommels; rinteniert mei har earste man sûnt 20-5-1902 te Easterein (nr 4); ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1903 nei Wommels (nr 68); ferhuzet dêrwei op 10-5-1905 nei Ljouwert; ferfart dêrwei op 29-5-1913 nei Huzum; idem dêrwei op 6-3-1916 nei Ljouwert (Nijstêd G56boppe, Schalk Burgerstrjitte Y28); ferhuzet dêrwei op 30-4-1918 nei Den Haach; húshâldster op ’e Jouwer by har lettere tredde man; dr f. Hendrik Victor Kremer, yn 1855 rykskommys te Emmen, yn 1868 idem te Odoorn, sûnt 28-3-1868 idem te Wommels, yn 1870 te Akkrum, sûnt Alde Maaie 1870 wer te Wommels, en Sijgjen Mesken (ek: Sijgien, Sijgje)
Johanna x 1 Hinnaarderadiel 15-7-1874, 51 en 19 jier, Hugo Martinus Laurman Wassenaar * Wier 15-2-1823 † 5-12-1902, 79 jier; 1850-1856 Nederlâns Herfoarmd dûmeny te Wervershoof, 1856-1900 idem te Wommels (nr 168), sûnt 20-5-1900 rintenier te Easterein (nr W4K); sn f. Reinder Jan Philippus Wassenaar, 1815-1859 dûmeny te Wier (nrs 144, 168), en Aaltje Hugo Martinus Laurman
Sjoch: W.Tsj. Vleer, De Friese Wassenaars, W.Tsj. Vleer en Het Wassenaar-Comité, Laverman N.V., Drachten, 1963, side 342
Johanna x 3 Haskerlân 24-6-1925, 70 en 65 jier, Freerk Freerks Postma * Langwar 12-3-1860 † De Jouwer 20-10-1946, 86 jier; by syn earste boask arbeider op ’e Jouwer, twadde houlik dêr fabryksarbeider; sn f. Freerk Freerks Postma, yn 1854 arbeider te Langwar, yn 1856 te Ousterhaule, yn 1858 wer te Langwar, yn 1865 te Sniksweach, yn 1870 idem op ’e Jouwer, yn 1882 dêr skipper, en Ytje Popkes Bakker
Freerk x 1 Haskerlân 13-8-1882, 22 en 28 jier, Trijntje Sjoukes Pool * Boppeknipe 26-6-1854 † De Jouwer 30-8-1924, 70 jier; by trouwen sûnder berop op ’e Jouwer; dr fan Sjouke Wiebes Pool, yn 1848 timmerfeint te Drachten, yn 1849 idem yn It Mar, yn 1851, ’54, ’62 idem te Boppeknipe, yn 1882 timmerman Underknipe, en Jantje Hendriks Hielkema, (ek: Hylkema, Hijlkema; tekenet sels de trou-akte mei: Hielkema), yn 1848 arbeidster te Boppeknipe
Hendrik Louws Palsma.
Hindrik en syn twadde frou gean op 1-5-1906 op besite by har soan Louw yn Amearika. Hindrik skriuwt syn belibbenissen oer dy reis op yn 29 ferslaggen en dy wurde publiseard yn ’e Hepkema’s Krante; op termyn komme dy hjir as bylage by dizze stambeam
Bern út it earste houlik:
1 Tietje Hendriks Palsma * Winsum 7-11-1863 † Easterlittens 3-7-1883, 19 jier
2 Antje Hendriks Palsma (Anne) * Winsum 3-1-1865 † Frjentsjer 31-12-1945, 80 jier
x Hinnaarderadiel 9-5-1885, 20 en 24 jier, Albert Jans Algera * Itens 24-10-1860 † Frjentsjer 14-11-1946, 86 jier; yn 1886, ’87 slachter te Easterein; 1890, ’92, ’97 arbeider te Easterlittens; yn 1918 komelker te Kubaard, yn 1919 dêr greidboer; sn f. Jan Alberts Algera, boer te Itens, en Akke Foekes Wynia
Bern:
1 Jan Alberts Algera * Easterein 19-1-1886 † dêr 30-1-1888, 2 jier
2 Pietje Alberts Algera * Easterein 24-4-1887; ferfart yn 1907 nei de U.S.A.;
x Springfield U.S.A. Gauwke Klazes van Lingen * Kollum 24-11-1881 † Springfield [?] -12-1945; sn f. Klaas Tækes van Lingen, yn 1877 arbeider te Westergeast, yn 1881 te Kollumersweach, en Aaltje Jans Kloosterman
3 Jan Alberts Algera * Easterlittens 19-4-1890 † 3-2-1963 [] Britswert; by trouwen arbeider te Boazum, letter te Britswert;
x Baarderadiel 11-5-1918, 28 en 25 jier, Trijntje Landstra * Britswert 5-12-1892 † 29-4-1970 [] Britswert; by trouwen naaister te Britswert; dr f. Uiltje Sjoerds Landstra, arbeider te Britswert, en Sjoerdtje Wybes Althuisius
dochter: Sjoerdtje Jans Algera * Britswert 29-3-1920; x Baarderadiel 27-7-1948 Jacob Annes Schaper * Koudum 8-4-1920; sn f. Anne Jacobs Schaper en Wiepkje Wessels Schram
4 Hendrik Alberts Algera * Easterlittens 6-2-1892 † dêr 20-8-1892, 6 moanne
5 Akke Alberts Algera * Easterlittens 3-3-1896 † Frjentsjer 17-7-1983 [] Hitsum;
x Hinnaarderadiel 14-5-1919, 30 en 23 jier, Jellird Ruurds Wynia (ek: Jeljer) * Lytsewierrum 22-9-1888 † Hitsum 9-7-1970 [] Hitsum; arbeider te Ysbrechtum, by trouwen te Hinnaard, letter te Iens; sn f. Ruurd Gerrits Wynia, yn 1892 boer te Lytsewierrum (nr 33), letter arbeider te Lytsewierrum en Easterein; yn 1901 te Offenwier, en Hiske Jans Algera
6 Hendrik Alberts Algera * Easterlittens 8-7-1897 † dêr 11-6-1898
7 libbenleas famke *† Easterlittens 20-4-1899
8 Tietje Alberts Algera * Hidaard 15-11-1901 † 9-9-1985 [] Frjentsjer, algemien begraafplak;
x Hinaarderadiel 27-5-1927 Thomas Durk Visser * Frjentsjer 8-12-1902 † 16-1-1990 [] Frjentsjer, algemien begraafplak; sn f. Thomas Dirks Visser en Akke Tamminga
9 Henderika Alberts Algera * Kubaard 20-10-1909;
x Hinnaarderadiel 15-5-1936 Pieter Sakes van der Kloet * Gruttegast 29-9-1908; sn f. Sake Pieters van der Kloet en Tetje Kuipers
Sjoch: R.S. Roarda – It Algera-Algra Skaei, Fedde Dykstra, Ljouwert, 1956
3 Louw Hendriks Palsma * Winsum 28-3-1866 † dêr 5-5-1866, 1 moanne
4 Akke Hendriks Palsma * Winsum 12-9-1867 † nei har man
x Baarderadiel 9-5-1888, 20 en 28 jier, Tjerk Cornelis Boonstra * Britswert 7-1-1860 † Ljouwert 15-4-1932, 72 jier; by trouwen sûnder berop te Wiuwert; yn 1889, ’91 dêr greidboer; yn 1892, ’93, ’94, ’96, ’98, 1904, ’05 greidboer te Skillaard; yn 1896 te Easterlittens, 1916-1921 op Wammert (Littens nr 15); yn 1899 te Mantgum; sn f. Kornelis Tjerks Boonstra, boer te Britswert en Wiuwert, en Ruurdje Cornelis Bakker
Bern:
1 Kornelis Boonstra * Wiuwert 28-5-1889; boer te Skillaard, Wiuwert, Ljouwert, Mantgum en Los Angeles, Californië, U.S.A.;
x Hinnaarderadiel 23-5-1929 Hitje Heins Jaarsma * Koudum 27-11-1905 † La Palma Orange, Californië; dr f. Hein Wybes Jaarsma en Sjoukje Klazes Bajema
2 Hendrik Boonstra * Wiuwert 2-2-1891 † dêr 28-1-1894, 2 jier
3 Tietje Boonstra * Skillaard 5-4-1892 † 25-10-1977, 85 jier [] Jellum;
x Baarderadiel 8-5-1919 Sibbele Hendriks Kingma * Jellum 7-9-1891 † 24-10-1975, 84 jier, [] Jellum; boer te Jellum; sn f. Hendrik Jurjens Kingma en Itje Rimmers de Vries
4 Tette Boonstra * Skillaard 7-5-1893
5 Hendrik Boonstra * Skillaard 28-5-1894 † 24-1-1962, 66 jier [] Jorwert; by x fan boerebedriuw te Easterlittens;
x Baarderadiel 8-5-1918 Sjoerdtje Libbes Groustra * Jorwert 28-6-1895 † 2-2-1964, 50 jier; dr f. Libbe Gerbens Groustra en Tietje Baukes Kuindersma
5 Jan Boonstra * Skillaard 12-1-1896 † 21-3-1967, 71 jier, [] Wommels; by x fan boerebedriuw te Easterlittens; dir. LAB-Leeuwarder Auto Bedrijf (mei-direkteur is syn oantroude neef Hessel Pols, sjoch IX.1.1)
x Baarderadiel 8-5-1919 Martje Jans Visser * Easterlittens 19-5-1898 † 3-10-1981, 83 jier [] Wommels; dr f. Jan Klazes Visser en Æbeltje Jans Klijnstra
6 Pietje Boonstra * Skillaard 15-1-1898; wennet te Skillaard, Ljouwert, Easterlittens en Apeldoarn
7 Bontje Boonstra * Mantgum 2-10-1899; wennet te Skillaard, Ljouwert en New York
8 Ruurdtje Boonstra * Skillaard 30-11-1901 † Ljouwert 13-12-1986, 85 jier; NH, letter GT; by trouwen sûnder berop te Ljouwert
Ruerdtsje x 1 Ljouwert 6-12-1927, 26 en 25 jier, Adriaan Willem Jaarsma * Wapserveen, gemeente Havelte, Drinte, 13-8-1902 † Ljouwert 23-9-1932, 30 jier; NH, letter GT; tsiiskeapman te Huzum, sûnt 29-12-1927 idem te Ljouwert; sn fan Adriaan Willem Jaarsma, yn 1899 direkteur suvelfabryk Ryptsjerk, sûnt 1-5-1903 tsiiskeapman te Ljouwert, sûnt 6-6-1923 idem te Huzum, en Aaltje Jans Bouma
Ruerdtsje x 2 Albert Brouwer, sjoch: Genealogy Brouwer 2 XII.2.3
9 Pieter Boonstra * Skillaard 30-7-1904
10 libbenleas bern *† Skillaard 1913
5 Mettje Hendriks Palsma * Winsum 28-12-1868 † Súdlaren, wenjend te Winsum, 1-1-1952, 83 jier
x Baarderadiel 21-5-1890, 21 en 24 jier Jentje Jans Wiersma * Wiuwert 28-10-1865 † dêr 11-12-1944, 79 jier; feekeapman te Wiuwert; sn f. Jan Sybrens Wiersma, feekeapman te Wiuwert, en Antje Wybes Schaafsma
Sjoch:
–Genealogy Wiersma
-foar gâns foto’s famylje Wiersma: Fotoalbum Palsma
6 Louisa Hendriks Palsma * Winsum 8-6-1870 † Britswert 25-3-1905, 34 jier
x Baarderadiel 21-5-1894, 24 en 25 jier, Bouwe Riemers van Kammen * Britswert 28-3-1869 † dêr 28-2-1945, 75 jier; by trouwen en yn 1897, ’98 bakkersfeint te Britswert (by syn heit tink), yn 1902, ’20, ’23 dêr bakker; sn f. Riemer Rienks van Kammen, bakker te Britswert, en Grietje Bouwes van der Meulen
Bern:
1 Grietje van Kammen * Britswert 6-1-1897; x Baarderadiel 27-10-1920 Auke Pieters Foppema, by x timmerman te Wormerveer
2 Pietje van Kammen * Britswert 25-11-1898; Baarderadiel 2-5-1923 Gerben Aans Algera, greidboer te Bears
3 Geertje van Kammen * Britswert 17-1-1902 † dêr 3-3-1903, 1 jier
4 Riemer van Kammen * Britswert 4-3-1905
7 Louw Hendriks Palsma, folget IX.1
8 Grietje Hendriks Palsma * Winsum 6-8-1876 † Tytsjerksteradiel 14-5-1954, 77 jier; by x sûnder berop te Miedum
x Baarderadiel 13-5-1899, 22 en 28 jier, Hilbrand Rintjes Boschma * Nijlân 19-2-1871 † Tytsjerksteradiel 12-7-1955, 84 jier; by trouwen en yn 1900 sûnder berop te Tearns; yn 1902 bierhûshâlder te Gytsjerk; wennet yn 1905 te Boazum; yn 1908, ’23 greidboer te Miedum; sn f. Rintje Hilbrands Boschma, greidboer te Folsgeare, Parregea, yn 1881 te Nijlân, giet yn 1887 nei Wurdum, en Grietje Lambertus Hilarides
Bern:
1 Grietje Boschma * Tearns 12-3-1900; x Ljouwerteradiel 12-5-1923, 23 en 25 jier, Sjouke Pieters Sinnema * Frjentsjer 27-2-1898; bouboer te Frjentsjer en Rie; sn f. Pieter Sjoukes Sinnema, bouboer te Frjentsjer, en Tietje Annes Anema; dochter: Grietje Sinnema, sjoch oarlochsferline
2 Pietje Boschma * Gytsjerk 26-7-1902
9 Geertje Hendriks Palsma * Winsum 16-9-1878
x Baarderadiel 11-5-1904, 25 en 31 jier, Johannes Pieters de Boer * Weidum 14-3-1873; boer te Nijlân (de pleats yn Nijlân is ôfbaarnd, dêrby is ek in famylje-argyf yn ’e flammen opgongen); sn f. Pieter Jans de Boer, boer te Weidum (hierder fan in Bumapleats, fuortby it Bumatsjerkhôf), en Geertje Johannes Gosliga
10 Pieter Hendriks Palsma, folget IX.2
11 Rintje Hendriks Palsma, folget IX.3
VIII.2 Hendrik Jans Palsma * Bitgum 27-6-1844 † St.-Jabik 10-3-1928, 83 jier; NH; by trouwen gernier te Berltsum; sûnt 27-2-1872 (neffens it Befolkingsregister, hy trout krekt in jier letter, sil 1873 wêze kinne) bouboer te St.-Jabik, dêr letter gernier (nrs 464, 64, 88, A 244; sûnt 1-1-1931 is dan in nij nûmer: 395); by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Menameradiel 27-2-1873, 28 en 24 jier, Dieuwke Gerrits Nauta * St.-Jabik 6-2-1849 † dêr 22-3-1935, 86 jier; by trouwen sûnder berop te St.-Jabik; dr fan Gerrit Pieters Nauta en Sjieuwke Annes Wassenaar, bouboeren te St.-Jabik
Hindrik keapet op op 5-1-1884 fan Sybren Gerbens de Groot te St.-Anne in stjelp mei tún en hiem te St.-Jabik; keapsom: f 2.301,00; notaris: Jan Hendrik Snijder te St.-Anne; Repertoire: 134076
Hindrik keapet op 6-10-1912 fan Hantje Noordenbos te St.-Jabik in perseel boulân; keapsom: f 2.200,00; notaris: Anne Tadema te St.-Jabik; Repertoire: 066052
Bern:
De fjouwer folwoeksen bern fan Hindrik en Dieuwke gernierkje nei memmes ferstjerren mei-inoar op nr 395 te St.-Jabik; se trouwe net en binne by ferstjerren allegearre sûnder berop, Gerrit mei 56 jier ek.
1 Jan Hendriks Palsma * St.-Jasbik 17-5-1897 † dêr 5-3-1942, 68 jier
2 Ytje Hendriks Palsma * St.-Jabik 23-3-1875 † dêr 2-12-1950, 75 jier
3 Neeltje Hendriks Palsma * St.-Jabik 13-12-1897 † dêr 1-3-1965, 85 jier
4 Gerrit Hendriks Palsma 27-10-1882 † dêr 20-10-1939, 56 jier
5 Anne Hendriks Palsma * St.-Jabik 21-7-1887 † dêr 3-8-1887, 13 dagen
VIII.3 Heerke Jans Palsma * Bitgum 9-4-1846 † dêr 4-10-1909, 63 jier, [] Bitgum; foar syn trouwen bakker te Seisbierrum. sûnt te Bitgum
x Menameradiel 22-9-1870, 24 en 23 jier, Tietje Jans Bruinsma * Seisbierrum 15-11-1846 † Bitgum 17-2-1893, 46 jier; dr f. Jan Feikes Bruinsma, boer op ’e Tsjummearumer Mieden, sûnt 1846 eigenerfd boer op Liauckama state Seisbierrum, earmfâd, en fan Aaltje Seerps Anema
Sjoch:
Familiepraat:
–Palsma-Bruinsma
Erfgoed Fundaasje:
–Genealogy Bruinsma
–Fotoalbum Bruinsma I
–Fotoalbum Bruinsma II
Bern:
1 Hendrika Heerkes Palsma * Bitgum 9-8-1871 † USA -3-1944
x Menameradiel 11-5-1893, beide 21 jier, Johannes Ebbings Lautenbach * Berltsum 18-9-1871 † USA; by trouwen sûnder berop te Berltsum; it gesin emigreart yn 1931 nei de Feriene Steaten fan Amearika; sn f. Ebbing Klazes Lautenbach, gernier te Berltsum, en Pietje Johannes Douma
Sjoch: Jan Lautenbach – Lautenbach, side 317
2 Jan Heerkes Palsma, folget IX.4
3 Seerp Heerkes Palsma * Bitgum 17-6-1876 † dêr 27-5-1877, 11 moanne
4 Aaltje Heerkes Palsma * Bitgum 18-8-1878 † Seisbierrum 18-2-1934, 55 jier, [] Seisbierrum;
x Barradiel 16-5-1912, 33 en 27 jier, Sybren Brands Stoer * Seisbierrum 16-3-1885 † 6-8-1972, 87 jier, [] Seisbierrum; gernier te Seisbierrum; sn f. Brand Pieters Stoer (ek: Brant, by de berte ynskreaun as: Brand), yn 1869, ’71, ’77, ’79, arbeider te Seisbierrum, yn 1874 dêr skipper, yn 1895, ’97, 1903 dêr gernier, en fan Tjitske Aukes Nauta
5 Geertje Heerkes Palsma * Bitgum 24-12-1880 † Kleaster Anjum 6-3-1957, 76 jier, [] Easterbierrum; by x sûnder berop te Seisbierrum;
x Barradiel 15-5-1913, 32 en 31 jier, Willem Jelles Zijlstra * Easterbierrum 18-7-1881 † Harns 19-4-1950, 68 jier, [] Easterbierrum; boer te Kleaster Lidlum; sn. f. Jelle Pieters Zijlstra, boer te Easterbierrum, en Grietje Sjoerds Janzen (ek: Jansen)
Jelle Pieters Zijlstra x Barradiel 19-5-1871, beide 25 jier, Grietje Sjoerds Janzen
Hja binne de pake en beppe fan:
–Jelle Zijlstra * Easterbierrum 27-8-1918 † 23-12-2001, 1966-’67 minister presidint, 1967-’81 presidint Nederlandse Bank
–Rinse Zijlstra * Easterbierrum 19-4-1927 † Beetstersweach 26-9-2017, lid Twadde Keamer foar de A.R.P., lid Earste Keamer foar it C.D.A., boargemaster Smellingerlân
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Zijlstra
6 Seerp Heerkes Palsma, folget IX.5
Sybren Brands Stoer, wannear en wêre? Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:
VIII.4 Andele Jans Palsma * Bitgum 21-1-1850 † dêr 5-12-1930, 80 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Berltsum; dêr gernier (nr 316) komt op 8-3-1880 út Berltsum yn Bitgum; gernier te Bitgum (nrs 125, 196bûten, 119, sûnt Alde Maaie 1925 nr 250, sûnt Alde Maaie 1926 nr 365;
x Menamerdiel 24-6-1875, 25 en 23 jier, Hiltje Aukes de Haan * Marsum 17-5-1852 † dêr 21-1-1914, 61 jier; NH; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dêrnei dêr gernierske; dr fan Auke Johannes de Haan en Sybetje Andries Wassenaar, greidboeren te Marsum en Bitgum
Bern:
1 Sybetje Andeles Palsma * Berltsum 23-1-1879 † 11-12-1941, 65 jier; NH, letter GT; ynwenjend faam en húshâldster, sjoch de § hjirûnder
2 Hendrika Andeles Palsma * Berltsum 4-9-1877 † Ryptsjerk 11-3-1955, 77 jier; NH; faam, ferhuzet 3-6-1897 nei Huzum; op 12-11-1903 út Bitgum nei Hurdegaryp (nr 114), dêrwei op 1-1-1905 nei Bitgum; ferhuzet Alde Maaie 1905 nei Ryptsjerk;
x Menameradiel 18-5-1905, 27 en 29 jier, Hylke Jacobs Zwager * Tytsjerk 10-3-1876 † Ryptsjerk 25-11-1957, 81 jier; NH; by trouwen keapman te Ryptsjerk, dêr greidboer en feekeapman (nrs 122, 104a, 134, 125); sn fan Jacob Johannes Zwager, yn 1872 arbeider te Wurdum, yn 1876 idem te Tytsjerk, yn 1879 komelker te Hurdegaryp, yn 1884 dêr weinmenner, en Rinske Hylkes Douma
3 Ytje Andeles Palsma * Berltsum 23-1-1879 † Ljouwert 8-12-1936, 57 jier; ynwenjend faam op ûnderskate adressen, mei trouwen húshâldster by har man te Hjelbeam; by ferstjerren idem te Ljouwert; sjoch de § hjirûnder
x Frjentsjerteradiel 23-1-1926, 47 en 62 jier, Cornelis Baukes van der Weg * Furdgum 28-4-1863 † Hjelbeam 1-6-1934, 56 jier; by x yn 1888 mûner te Tsjummearum, 1891, ’93 dêr pelmûner; letter boer te Hjelbeam, yn 1914 dêr sûnder berop;
Knillis x 1 Frjentsjerteradiel 10-5-1888, 25 en 24 jier, Ytje de Jong * Hjelbeam 2-12-1863 † Hjelbeam 19-1-1921, 57 jier; dr f. Lieuwke Douwes de Jong, yn 1860, ’63 timmerman te Hjelbeam, yn 1878, ’88 dêr boukundige, en Janke Meinderts Witema
Sjoch: Genealogy Van der Weg VII
4 Auke Andeles Palsma * Bitgum 17-4-1880 † mooglik Noard-Amearika; NH, letter GT; arbeider, sûnt 27-9-1901 ynwenjend feint by Rintje Gerbrandy en Dieuwke Bootsma, greidboeren te Boazum (nr 24); yn 1903 ynwenjend op nr P25; ferhuzet op 17-5-1904 fan Boazum nr 23 nei Poppenwier; ferfart op 3-3-1904 nei Noard-Amearika; is yn 1911 wer yn Fryslân, dan arbeider te Raard (Raarderhim), ferfart dêrwei op 31-12-1911 wer nei Noard-Amearika
5 Janna Andeles Palsma * Bitgum 15-12-1881 † Poppenwier 28-7-1944, 62 jier, [] Poppenwier; ynwenjend faam by Douwe Hermanus Kiestra te Tersoal nr 1 en by Hinke Jeltes van der Meulen, widdo fan Kerst Gerrits Boersma, te Poppenwier nr 25, har lettere skoanmem; mei trouwen húshâldster by har lettere man;
x Raarderhim 19-4-1917, 35 en 43 jier, Jelte Kerstes Boersma * Raard, Raarderhim, 24-2-1874 † Poppenwier 10-1-1953, 78 jier, [] Poppenwier; greidboer te Poppenwier; sn fan Kerst Gerrits Boersma en Hinke Jeltes van der Meulen, greidboeren te Raard en Poppenwier
6 Sijtske Andeles Palsma * Bitgum 22-2-1883 † 2-2-1926, 42 jier, [] Bitgum; NH, letter GT; faam te Bitgum, ferhuzet Alde Maaie 1906 nei Marsum; sûnt 13-11-1908 húshâldster op nr 92 te Bitgummole; mei trouwen húshâldster by har man te Bitgummole (nr 172);
x Menameradiel 2-5-1912, 28 en 29 jier, Geert Dirks Spanjer * Bitgummole 12-7-1883 † 10-1-1959, 75 jier, [] Bitgum; NH, letter GT; by earste houlik timmermansfeint te Dronryp, letter timmerman te Bitgummole (nrs 172, 318), by twadde houlik dêr fytshanneler en fytsemakker, dêr letter garaazjehâlder (nr 364, sûnt Alde maaie 1925 nr 365, it hûs fan Sytske har heit); sn fan Dirk Feikes Spanjer, arbeider te Bitgummole (nr 214) en Wintje Baukes Heslinga, ynlâns kreamerske te Bitgummole (125bûten, 128);
Geert x 1 Menameradiel 10-5-1907, beide 23 jier, Aaltje van der Vlugt * Dronryp 16-1-1884 † Bitgummole 7-7-1908, 24 jier; by trouwen sûnder berop te Dronryp; dr fan Mindert Popkes van der Vlugt, yn 1907 arbeider te Dronryp (nrs 173, 204, 335), yn 1908 dêr gernier, en Gatske Hettes de Groot
7 Jan Andeles Palsma, folget IX.6
§ Sybetsje Palsma: lytsfaam, faam, húshâldster en mantelsoarger
en suske Ytsje as ynwenjend faam
Sybetsje is as fanke fan tolve jier al lytsfaam: sûnt 12-4-1891 ynwenjend by har muoike en omke Pietje Aukes de Haan en Jacob Andries Smeding, greidboeren en feefokkers te Jelsum (nrs 58, 110, 129);
-se komt op 21-5-1906 út Bitgum yn St.-Jabik (nrs 48, 45, 66) as ynwenjend faam by Wybren Tækeles Hoogterp, rintenier-boer, en syn dochter Aaltje;
-se komt 23-3/17-4-1907 út St.-Jabik as ynwenjend faam by har muoike en omke Johanna Aukes de Haan en Jacobus Freerks Sietsma, greidboeren yn It Mar (nr 14d) yn Skoatterlân;
-Syb ferhuzet dêrwei as húshâldster op 16-5-1909 nei Tytsjerk (nr 13);
-Alde Maaie 1910 ferfart se as húshâldster nei Ryptsjerk (nr 122);
-en dêrwei op 10-1-1911 nei Bitgummole;
-en dêrwei op 20-6-1911 nei Boazum;
-en dêrwei komt se op 10-12-1912 by har heit yn Bitgummole;
-se komt nei syn ferstjerren op Sinteklaas 1930 yn by har suster en sweager Sytske en Geart Durks Spanjer te Bitgummole.
Hjirûnder in greep fan ynwenjend faam Ytsje Palsma:
-op 13-6-1896 ferhuzet Ytsje as ynwenjend faam nei Froubuorren (nr 155);
-komt 8-11-1897 dêrwei yn Bitgum;
-ferfart dêrwei op 11-6-1898 nei Huzum, dêr ynwenjend faam by D. Tiemstra;
-dêrwei op 7-6-1900 nei Ljouwert;
-op 3-9-1903 ut Ljouwert nei Huzum (nrs A108, B152, 195);
-dêrwei op 27-12-1911 wer nei Ljouwert;
-dêrwei op 4-6-1912 nei Huzum (nr B53);
-dêrwei op 30-6-1913 nei Wergea (nr 57);
-dêrwei 30-6-1913 nei Huzum;
-út Bitgum op17-9-1917 nei Idaarderadiel;
-komt op 16-4-1918 wer yn Bitgum;
-op ’e selde dei nei Hurdagaryp, se is dêr húshâldster by Gjalt Bearda (nr 17);
-ferhuzet dêrwei op 19-6-1923 nei Hjelbeam, Ytsje is dêr húshâldster by Knillis van der Weg, dêr’t se yn 1926 mei trout.
Jabik Andeles Palsma wurdt betocht troch Wouter Theunis Zwart yn syn Tachtich jaar Friesch Rundvee Stamboek – Een speutocht door het Friesch Rundvee-Stamboek en aanverwante organisaties, Laversman N.V., Drachten 1960
It bestjoer fan it Friesch Rundvee Stamboek op ’e foto by it 50-jierrich bestean yn 1929 by De Trije Romers te Reduzum, dêr’t it yn 1879 oprjochte waard.
Fan links nei rjochts: skriuwer-skathâlder dr Egbert van Welderen baron Rengers, foarsitter Jabik Andeles Palsma, Pieter Ymes Veenland, Fokke Jans Wassenaar, twadde foarsitter Pieter Pylgers Miedema, Hendrik Theunis Oostenbrug en K.F. Vrolijk.
Foto út: Reimer Strikwerda, Een eeuw Fries stamboekvee, , Friesch Rundvee Stamboek, Ljouwert, 1979
GENERAASJE IX
IX.1 Louw Hendriks Palsma * Winsum 2-12-1871 † Springfield, South Dakota 29-3-1961, 89 jier; emigreart yn 1891 nei Noard Amearika, boer te Súd Dakota; wennet yn 1908 te Springfield; syn neiteam hâldt der in famyljekrante op nei;
x USA 6-12-1893 Helena Regina Hamminga * Borgercompagnie 22-6-1868 † Yankton, South Dakota 16-5-1933, 64 jier; dr fan Jan Arnold Piccardt Hamminga en Annechien Freeks Bakker
Bern:
1 Henry Palsma * Springfield, South dakota, 31-3-1894 † dêr 18-3-1906, krapoan 12 jier
2 John Palsma * Springfield, South Dakota 29-3-1896 † Frankryk, yn in militêr hospitaal, 28-3-1919, op ien dei nei 23 jier
3 Pieter Palsma * Springfield, South Dakota 12-10-1897 † Lym Township, Sioux County 18-10-1897, 6 dagen
4 Pieter Palsma * Springfield, South Dakota 15-10-1898 † Sheldon, Iowa 14-1-1901, 2 jier
5 Annie Palsma * Springfield, South Dakota 17-9-1900;
x 2-6-1920 Henry Ludens
6 Nellie Palsma * Springfield, South Dakota 4-8-1902 † 20-2-2003, 100 jier;
x 9-3-1926 Peter Ludens
7 Henry Palsma, folget X.1
IX.2 Pieter Hendriks Palsma * Easterlittens 1-1-1881 † Dronryp (Pension Rêsthûs) 11-11-1955, 74 jier [] Easterlittens; 1906-1924 greidboer op syn âlderspleats Adema state op Skrins 1 ûnder Easterlittens; yn 1917, ’20 tsjerkeriedslid (diaken) by de frijsinnich Herfoarmde dominaasje te Littens; yn 1916 mei-oprjochter molkfabryk Coöperatieve Vereeniging De Eendracht te Easterlittens; sûnt 1929 rintenier-boer te Easterlittens; Piter syn Littenser bynamme is: de Bolle
x Hinnaarderadiel 16-5-1906, 25 en 27 jier, Geertje Rienks * Baaium 15-3-1879 † Hurderwyk (partikuliere ynstelling) -11-1956, 76 jier [] Easterlittens; dr f. Klaas Hessels Rienks, yn 1862 boer te Stiens, yn 1870 te Menaam, yn 1879, ’86, ’98, 1901, ’06, ’09, greidboer te Baaium, yn 1930 sûnder berop te Easterlittens, en Yfke Dirks de Groot
Piter Hindriks Palsma en Geartsje Rienks krije yn har feebeslach twaris de ynfeksjessykte Abortus bang. Foar de reed nei Skrins stiet in ûntsmettingsbak, mar it is allegearre om ’e nocht. De kij sille net mear kealje. It gewin falt fuort en it binne boppedat net de bêste boerejierren. Piter en Geartsje jouwe it buorkjen deroan en sette har as rinteniers nettsjinsteande alle bekommernissen lykwols fleurichachtich del yn in stil hûs te Easterlittens. Letter hâlde se ta yn in pensjon-rêsthûs te Dronryp en as Geartsje fierder deminteard wennet se yn in partikuliere ynstelling, alhelendal te Hurderwyk.
Piter Palsma finansiert de earste toerbus fan ’e LAB – Leeuwarder Auto Bedrijf – in Diamont T -, de ûndernimming fan syn skoansoan Hessel Pols. Hessel is mei syn oantroude neef Jan Boonstra (soan fan Akke Palsma en Tsjerk Boonstra, sjoch VIII.1.4.5) direkteur fan dy busûndernimming. Hessel sjocht in kollosale merk yn toerbussen, syn kompanjon Jan Boonstra sjocht dat no krekt net sa sitten. Hessel fynt skoanheit Palsma ree ta sa’n finansjele belizzing en dy sjit fiks foar, want dêr komt it op del. Alles wurdt werombetelle, is de tasizzing. Dêr is noait wat fan kommen. Dat de erfenis fan pake Piter is behoarlik neisjoen.
Muoike Yfke fermakket har hûs en oar ûnreplik guod oan har suster Pytzen en har fermogen oan ’e kankerbestriding. Pytzen testamintet har besitting oan ’e Hartstichting en skinkt sekuere legaten oan har trije muoikesizzers, dat broer Hindrik is dêr al mei al net sa mei op ’t skik.
Meidielingen Gerrit Palsma (XI.2) oan Erfgoed Fundaasje, 10-5-2019.
Sjoch ek: Jolt Oostra Rzn – Uit de geschiedenis van Oosterlittens, Van der Eems, Easterein, 1985.
Bern:
1 Yfke Palsma * Easterlittens 7-9-1908 † Ljouwert 15-3-1978, 69 jier; húshâldster USA; rintenierster Frjentsjer;
x Baarderadiel 16-4-1930, 21 en 26 jier, houlik ûntbûn 23-7-1942, Hessel Pols * Seisbierrum 17-3-1904 † Meppel (sikehûs, wenjend te Ljouwert) 1977; garaazjehâlder te Ljouwert; spiler by Nij Frysk Toaniel; 1929-1970 mei-firmant en direkteur LAB – Leeuwarder Auto Bedrijf; foarsitter Vereniging voor Vreemdelingen Verkeer (VVV); bestjoerslid provinsjale Fryske VVV; bestjoerslid Veilig Verkeer ôfdieling Ljouwert; bestjoerslid en twadde foarsitter Vereniging De Friesche Elfsteden; haadbestjoerslid Vereniging Tourwagenondernemers; oprjochter en foarsitter Zaken Centrum Leeuwarden; sûnt 1949 gemeenteriedslid Ljouwert foar de Volkspartij voor Vrijheid en Democratie (VVD), 1958-1966 wethâlder; sn f. Pieter Pols, yn 1904 frachtrider te Seisbierrum, yn 1930 ierdappelhanneler te Doanjum, en Willemke Visser
Yfke Palsma makket mei har man Hessel Pols mannich bûtenlânse reizen, mei toerbussen. Se leit dêrfan in fotoreportaazje oan, mei har erudyt hanskrift, yn it Frysk, eigenaardich yn dy dagen. Sjoch: Foto-album Yfke Palsma [komt mei koarten op ’e webside fan Erfgoed Fundaasje]
Yfke en Hessel wenje ûnder oaren grut-achtich oan ’e Grinzerstrjitwei en yn ’e Van Leeuwenhoekstrjitte te Ljouwert. Nei de skieding hat Yfke in skoft in keamer-allinne boppe Kafee De Wâlden oan ’e Grinzerstrjitwei. Se ferfart nei Racine yn Wiskonsin – mei in heel grut fraachteken. Se is dêrearne húshâldster by in boer, neffens eigen sizzen tsjin sibben: John pypke – fierders hjirre net mei tanamme bekend. As Yfke dêre op in kear sûnder erch mei har ôfladen boadskiptas út ’e supermerk ferdwynt, knalt in brommer by har op. Yfke hat rjocht op sa’n 50 oant 60.000 dollar oan smertejild. Dêrmei ferbrekt se har Amearikaanse bannen en fertrekt se mei dy sinten resolút werom nei ’t Heitelân en se keapet har eigen plak oan ’e Hartoch fan Saksenleane te Frjentsjer, mei deun achterhûs har weelderige plantekas, beselskippe fan ’e swide swietrokende sels-oanleine blommetún, dêr’t se yn ’e folop tichteby tierige dagen belibbet. Yfke Palsma ferstjert oan kanker yn ’t sikehûs te Ljouwert en fermakket har fermogen oan it Kankerfûns.
2. Hendrik Palsma, folget X.2
3. Pietje Palsma (Pytzen) * Easterlittens 1915 [?] † Utrecht; as boarger administratyf meiwurkster op it militêr fleanfjild te Ljouwert, yn 1955 idem by de Militêre Kazerne te Appingedam, yn 1979 sekretaresse by de Kromhout Kazerne te Utrecht
Pytsje Palsma is in wat ienselvige frou. Se hat nei it ferstjerren fan har heit en mem eins allinne kontakt mei har suster Yfke, sawat ien kear yn ’t jier – fierders amper of net mei de famylje. Op in dei wurdt har muoikesizzer Gerrit Palsma troch de Utrechtse plysje belle. Pytsje is rûkende dea fûn yn har flat oan ’e Jeanne d’Arcdreef, se binne warskôge troch buorlju. Yn in koperen goatling, dy’t tante Pytsje Detz ta ha wol, ha se syn adres fûn: Gerrit Palsma, dêr en dêr. Sadwaande kin de plysje de famylje opspoare.
Meidielingen Gerrit Palsma oan Erfgoed Fundaasje, 10-5-2019.
IX.3 Rintje Hendriks Palsma * Easterlittens 27-5-1883 † Ljouwert 13-6-1956, 73 jier; komt op 16-8-1913 út Grins yn Ljouwert; by earste houlik learaar Wis- en Natuerkunde oan ’e Ryks H.B.S. te Ljouwert (Foarstreek A312, Willem Loadewykstrjitte 17, 19)
x 1 Ljouwert 10-8-1915, 32 en 31 jier, Harmina Alberta Ooiman* Ljouwert 9-3-1884 † dêr 4-3-1934, 49 jier; komt op 19-7-1915 út Wijhe yn Ljouwert; dr f. Albert Ooiman, timmerman en oannimmer te Ljouwert, en Aukje Vinken
x 2 Ljouwert 16-4-1935, 51 en 31 jier, Elisabeth Woudstra * Meester Cornelis, Nederlâns Indië, omstrings 1904 † Ljouwert 6-1-1967 ; dr f. Jasper Woudstra en Feikje Broersma
Bern út it earste houlik:
1 Albert Palsma, folget X.3
Bern út it twadde houlik:
2 Louis Feico Palsma, folget X.4
IX.4 Jan Heerkes Palsma * Bitgum 24-8-1873 † dêr 27-11-1949, 76 jier, [] Bitgum; by x sûnder berop te Bitgum, sûnt syn trouwen dêr bakker
x Menameradiel 18-5-1905, 31 en 25 jier, Jantje Foppes Dijkstra * Bitgum 2-8-1879 † dêr 1-9-1946, 67 jier, [] Bitgum; dr f. Foppe Thomas Dijkstra, gernier-boer op Grut Alsert te Bitgummole, tsjerk- en earmfâd, rintmaster lânhearren Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, en Maartje Gerbens Brouwer
Sjoch: Genealogy Dijkstra V.3
Hearke, Maartsje, Tytsje, Jan Hearkes Palsma en Jantsje Foppe Dykstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Fotokolleksje: Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra (wiere grutte); sjoch Erfgoed Fundaasje – Genealogy Zijlstra – In suster fan Jan, Geertje Heerkes Palsma, is troud mei Willem Jelles Zijlstra
Hearke, Tite, Foppe en Ma Palsma. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:
Bern:
1 Maartje Palsma (Ma) * Bitgum 10-2-1907 † Drachten, fersoargingshûs De Warrenhove, 20-11-1985, 78 jier
x Menameradiel 27-9-1972 Jan Slange; widner fan E.J. van Dijke
2 Heerke Palsma, folget X.5
3 Tietje Palsma (Tite) * Bitgum 8-12-1913 † 29-4-1993 [] Slappeterp
x Menameradiel 30-5-1940 Feije Jeremias Coree * Slappeterp 7-4-1914 † 11-5-1993 [] Slappeterp; boer te Slappeterp; sn f. Jeremias Feijes Coree, yn 1914 arbeider te Slappeterp, yn 1919 gernier te St.-Jabik, en Tjerkje Pieters Louwenaar
Bern:
1 Jantje Coree * Slappeterp † dêr 16-8-1945, 3 jier
2 Tjerkje Coree * Slappeterp 31-8-1944; x 28-11-1965 Pieter Jelles Bouma *21-4-1941
Bern: Jelle Pieter Bouma * 29-5-1966; Selma Tietje Bouma * 17-7-1967
3 Jantje Coree * Slappeterp † dêr 16-8-1945, 3 jier
4 Jantje Coree * Slappeterp 3-5-1946; x Hein Willems Wismeijer * 11-12-1942
Bern: Willem Hein Wismeijer * 4-11-1969
4 Foppe Palsma, folget X.6
IX.5 Seerp Heerkes Palsma (Sjerp) * Bitgum 4-7-1885 † Appingedam 26-3-1968, 82 jier, [] Rusthof, Appingedam; ferfart 23-9-1903 nei Seisbierrum, dêr arbeider; by trouwen boer te Eastermar, de lêste seis moanne foar syn trouwen wenjend te Sigerswâld; sûnt 2-4-1914 boer te Eastermar, de húshâlding ferfart dêrwei op 1-11-1917 nei Tjamsweer, gemeente Appingedam, Grinslân; yn 1838, ’43 idem te Garreweer, gemeente Appingedam;
x Barradiel 13-5-1914, 28 en 24 jier, Antje Pieters Westra (Anne) * Seisbierrum 13-5-1890 † Loppersum 6-1-1968, 77 jier, ] Rusthof, Appingedam; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; stiet m.y.f. 11-6-1914 ynskreaun te Eastermar (hûsnr 176), se komt dan út Seisbierrum; dr f. Pieter Harmens Westra, koaltsjer, boer en ierdappelkeapman op it Kastieltsje ûnder Seisbierrum, en fan Maria Matthys Bakker
Sjoch:
Beeldbank Groningen:
–Famyljefoto Palsma
Erfgoed Fundaasje:
–Genealogy Westra
-Kronyk – Memories Harmen Pieters Westra
-Kronyk – De deiboeknotysjes fan Mathys Westra
-Ierdappelhannel Fa. Westra
-Filmargyf Westra
-Weromsjen Hilbrand
Bern:
1 Maria Seerps Palsma (Marie) * Eastermar 9-3-1915; by trouwen sûnder berop te Garreweer;
x Appingedam 24-8-1938, 23 en 25 jier, Riemer Hendriks van Til * Hoogkerk 18-3-1913; by trouwen bakkerijlearaar te Hoogkerk; sn f. Hendrik van Til, yn 1913 sûnder berop te Hoogkerk, sûnt 1914 dêr breabakker, en Elisabeth Jakobs Scharft, bakkerinne te Hoogkerk
2. Heerke Seerps Palsma, folget X.7
3 Pieter Seerps Palsma, folget X.8
4 Tietje Seerps Palsma * Tjamsweer, gemeente Appingedam 21-8-1918 † Delfzijl 24-1-2007, 88 jier, [] Loppersum, Algemien Begraafplak, Hofstraat; by trouwen sûnder berop te Tjamsweer;
x Appingedam 6-5-1942, beide 23 jier, Theodorikus Johannes Havinga (Theo) * Winneweer, gemeente Ten Boer 12-4-1919 † 29-6-2011, 90 jier, [] Loppersum, Algemien Begraafplak, Hofstraat; by trouwen lânarbeider te Holwierde, gemeente Bierum; sn f. Johannes Jans Havinga, slachter te Winneweer, en Harmanna Theodorikus van Halsema
5 Wilhelmina Seerps Palsma (Mine) * 12-2-1920 † 12-5-2008, 88 jier, [] Appingedam, Stilleweer;
x Wilko van Niejenhuis * 2-2-1924 † 14-4-2011, 87 jier, [] Appingedam, Stilleweer
6 Hendrika Seerps Palsma (Riek) * 7-6-1921 † 18-6-2005, 83 jier, [] Wirdum, Kerkeweg;
x Hendrik Venhuizen * 7-6-1921 † 1-9-2014, 93 jier, [] Wirdum, Grinslân, Kerkeweg
7 Aaltje Seerps Palsma (Aly)
8 Harmen Seerps Palsma, folget X.9
9 Rients Seerps Palsma, folget X.10
10 Libbenleas bern Palsma *-† Grins 29-11-1933
Sjerp Hearkes Palsma. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:
Fan links nei rjochts: Tietje, Maria, Rients, Hendrika, Seerp Heerkes Palsma, Harmen, Antje Pieters Westra, Pieter, Aaltje, Wilhelmina en Heerke. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:
De pleats te Tjamsweer of te Garreweer? – wa wit it? – dêr’t Sjerp Palsma en Anne Westra op buorkje. Se stean derop mei in arbeider en in pear fan har bern. It kykje is hjir wat fergrutte. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje Zijlstra:
IX.6 Jan Andeles Palsma * Bitgum 9-8-1887 † 23-4-1947, 59 jier, [] Bitgum; NH; by trouwen arbeider te Bitgum; yn 1914 idem te Dronryp, wennet dêr mei frou en bern yn by syn skoanâlden fan 1-4-1914 oant 26-5-1914, ferhuzet dan nei Peins; komt 2-5-1917 út Peins yn Bitgum (nr 357), komt Alde Maaie 1919 wer út Peins yn Bitgum, wennet dêr mei de húshâlding yn by syn heit en mem, dêr arbeider, gernier en letter wer arbeider (nr 273);
x Menameradiel 31-12-1913, 26 en 25 jier, Ymkje Andries Posthumus * Dronryp 31-3-1888 † 14-2-1971, 82 jier, [] Bitgum; NH; faam te Dronryp, by trouwen dêr sûnder berop; dr fan Andries Andries Posthumus, skipper op ‘De Jonge Andries’ te Dronryp, yn 1888 dêr potskipper, dêr letter keapman yn glês en diggelguod (nrs 53, 89), yn 1913 dêr winkelman, en Saapke Symens Terpstra, skipperske en winkelfrou te Dronryp
Bern:
1 Andele Jans Palsma * Dronryp 10-4-1914 † 8-8-1986, 72 jier, [] Britsum; NH; fuormansfeint te Bitgum; by trouwen dêr arbeider;
x Menameradiel 6-5-1942, 28 en 23 jier, Jitske Bruinsma * Britsum 11-10-1918 † 21-11-1989, 71 jier, [] Britsum; by trouwen sûnder berop te Britsum; dr fan Andries Johannes Bruinsma, arbeider te Britsum, en Baukje Jelmers Brinkman
2 Andries Jans Palsma * Peins 1-3-1917 † 17-5-2005, 86 jier, [] Attesweg, Froubuorren; GT; smid-bankwurker te Bitgum; by trouwen smid te Bitgummole; letter smid te Froubuorren;
x It Bilt 14-3-1945, 28 en 25 jier, Klaaske Halma * Froubuorren 26-9-1919 † 23-5-2011, 91 jier, [] Attesweg, Froubuorren, [] Attesweg, Froubuorren; by trouwen distribúsje amtneres te Froubuorren; dr fan Hibbe Douwes Halma, arbeider te St.-Anne (nr 696), sûnt Alde Maaie 1919 idem te Froubuorren, nr 463, sûnt 1920 dêr nr C275, yn 1921 nr C346, dêr grûnwurker, per 1-1-1931 nr C526, yn 1945 dêr elektrisjên, en Trijntje Abrahams Stap
GENERAASJE X
X.1 Henry Palsma * Springfield, South Dakota 31-3-1894 † dêr 18-3-1906;
x 28-8-1930 Henrietta Holleman † Yankton, South Dakota 16-11-1972 Yankton
Bern:
1 Edna Palsma † 2010
x 9-7-1976 Edmund Hobbins
2 John Palsma † 2006
x Francis
3 Wayne Palsma, folget XI.1
4 Linda Palsma * 1948
x 21-04-1972 Garry Ross/Minnesota/
X.2 Hendrik Palsma * Easterlittens 23-3-1911 † Wommels 14-5-2003, 92 jier [] Wommels, nij begraafplak; automonteur; amtner by de Gemeente Reinigingstsjinst Hinnaarderadiel as sjauffeur-monteur;/It Bosk 12/
x Hinnaarderadiel 17-5-1939 Sietske Vos * Wommels 30-6-1914 † dêr 10-4-1998 [] Wommels, nij begraafplak; dr f. Gerrit Vos, arbeider, toukeapman en skoalleskjinmakker te Wommels, en Feikje Kamstra
Hindrik docht de Ambachtskoalle te Ljouwert omdat er fan jongs-ôf-oan masjinist wurde wol. Under skoaltiid slacht er as it even kin op it treinstasjon om. Mar hy wurdt automonteur en avontuert as jonge in bedriuwke as karrider mei hynder en wein. Dan skaft er as jongfeint fan 22 jier in A Ford oan dêr’t er in frachtriderij mei begjint op Ljouwert-Bolswert. Dêrnei stapt er as mei-firmant yn transportbedriuw de saneamde ‘Combinatie Wommels’, dat is Bonnema-De Vries-Feitsma: foarhinne – dêrfandinne – ek Palsma. Dat binne fanâlds karriderrs by útstek, en dy kombinaasje dijt fertsjinstlik út ta in frachtriderij mei âlde legertrucks yn fee, en ek de ko syn ûnútsteanber hurd produkt fan tsiis, allyksa dêroerhinne it modernere pakketferfier foar krudenierswinkels en oare lukrative hannel. Hindrik syn firmanten wolle wreder útwreidzje, mar har weinpark is hartstikke te’nein, der moat yngeand ynvesteard wurde, de hannel is al op retoer. De oernimmers beklinke it eigenbelang, sette alle wille oer yn har delsleine sinten.
Hindrik siket in oare wei oan ’e libbene dyk, want hy wol by de minsken wêze en wurdt yn 1951/’52 sjauffeur-monteur by de Gemeente Reinigingstsjinst Hinnaarderadiel.
En by syn gegeven oanstelling as amtner oppert er: Sietske fanke, no sille wy noait jildsoargen ha, want wy kinne steat meitsje op in fêst pensjoen.
Bern:
1 Pieter Palsma, folget XI.2
2 Gerrit Palsma, folget XI.3
3 Geertje Palsma (Geartsje) * Wommels 7-10-1949; fersoarchster âlden fan dagen Leppehiem te Akkrum;
x Jan Jonkman * Itens 27-6-1947 † Akkrum 13-3-2017; boer en feefokker (mei syn broer Hendrik en skoansuster Gerbrig Joustra) op ’e âlderspleats ûnder Itens; meiwurker UTD-Akkrum (ôfdieling hinnen), letter Unilever; sn f. Theo Jonkman, boer en feefokker te Itens, en Richtje Sytsma/Akkrum/
X.3 Albert Palsma * Ljouwert 29-6-1919 † dêr 19-7-2010, 88 jier;
x 14-12-1943 Fokje Heijnen (Lien) * Harns 16-4-1917 † Grins 2-12-2012, 89 jier; dr fan Tjalke Theodoors Heijnen, yn 1917 kantoarfeint te Harns, en Reintje Tjittes Gratama
Bern:
1 Albertina Reina Palsma (Bettie) * Ljouwert 17-6-1945 † dêr 11-10-2005, 60 jier;
x Jan Giesing * 23-7-1943 † 11-9-2012, 59 jier; sn fan Feie Giesing en Jetske Dieuwke Kamminga
2 Theodorus Rene Albert Palsma (Theo) * Ljouwert 2-5-1948
x Hennie Wilkens
3 Ria Aafke Fokelina Palsma (Ria) * Ljouwert 12-6-1953
x Haroen Wangsawirana
X.4 Louis Feico Palsma * Ljouwert 4-3-1937 † dêr 4-2-2018, 81 jier; learaar HBS te Delft;
x 1 1-3-1964 Elisabeth Catharina Hendrika Gaalman * Hengelo 24-2-1932 † 26-3-1971, 39 jier;
x 2 Ljouwert 18-12-1971 Joyce van Pelt * Klimmen 1943 † 22-2-2018
Bern út it earste houlik:
1 Elske Brecht Palsma * 6-11-1967
2 Rineke Nant Palsma * 27-4-1969
X.5 Heerke Palsma * Bitgum 29-3-1911 † 13-2-1969 [] Bitgum; x It Bilt 13-5-1942, 30 en 20 jier, skieding fûnis Arrondissemintsrjochtbank Ljouwert 6-7-1944, Sybranda Hoogland * Marsum 14-6-1921 † St.-Anne 14-3-2005 [] Jirnsum, algemien begraafplak; dr f. Jacob Lykles Hoogland, greidboer en feefokker te Marsum (nr 314), sûnt 24-5-1935 bouboer op Sate 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne (nr 517, 179), en Jeltje Georgius Jepkema
Bern:
1 Jeltje Palsma * 2-3-1943; x Marten Kramer
Bern:
1 Wietse Marten Kramer * 24-11-1968
X.6 Foppe Palsma * Bitgum 25-5-1918 † 20-2-1977 [] Bitgum
x Menameradiel 26-5-1943 Janke Hoekstra * Berltsum 12-9-1918 † 31-1-2004 [] Bitgum; dr f. Æbe Annes Hoekstra, gernier te Berltsum, en Antje Jacobs Kuipers
Bern:
1 Antje Palsma (Anneke) * Bitgum 17-1-1947
x 22-12-1966 Tjipke Rozema
Bern: Janke Rozema * 23-12-1967
2 Jan Palsma, folget XI.
3 Jantje Palsma * Bitgum 29-1-1952
x Pieter Lolkema
4 Maartje Palsma * Bitgum 16-11-1953
5 Æbe Palsma, folget XI
6 Anna Jacoba Palsma (Cobie) * Bitgum 19-2-1960
X.7 Heerke Seerps Palsma * Eastermar 8-2-1916 † 5 -7-1999, 73 jier, [] Appingedam, Stilleweer; by trouwen sadelmakker te Garreweer;
x Appingedam 9-6-1943, 27 en 25 jier, Jantje Jans Scholtens * Appingedam 26-4-1918 † Ten Boer 9-1-2015, 73 jier, [] Appingedam, Stilleweer; by trouwen faam te Tjamsweer; dr f. Jan Alberts Scholtens, yn 1911 kleanmakker te Uithuizermeeden en Beilen, yn 1918 draaier te Appingedam, yn 1943 fabryksarbeider te Tjamsweer, en Geertje Klazes Oosterhuis, yn 1911 faam te Loppersum en Zeerijp
Bern:
1 Seerp Heerkes Palsma * Appingedam 13-4-1946 † Nansum 25-11-2020, 74 jier, [] Holwierde
x Atty Norden
Bern:
1 Simone Palsma
w.m. Gerrie Dubben
Bern:
1 Rutger
2 Marrit
2 Geertje Palsma (Gré)/Maarn/
x Wim van Halm
3 Jan Palsma/Appingedam/
x Reina Hindriks
4 Anneke Palsma/Delfzijl/
x Albert Pilon
X.8 Pieter Seerps Palsma * Eastermar 7-3-1917 † 26-8-1988 [] Ten Post;
x Grietje Venhuizen * 28-1-1920 † 12-5-1993 [] Ten Post
X.9 Harmen Seerps Palsma * 8-4-1923 † 5-8-1979, 52 jier, [] Ten Boer;
x Zwaantje Flikkema * Bierum 14-1-1928 † Appingedam 28-5-2022, 94 jier, [] Ten Boer
Bern:
1 Seerp Harmens Palsma/Ten Boer/
x Ineke Pastoor
2 Martje Palsma/Nieuwe Pekela/
x Marten Ritzema
3 Antje Palsma/Ten Boer/
x Sape Ozinga
4 Stien Palsma/Made/
x Iest Reedijk
5 Maria Palsma/Ten Boer/
x John Myles
X.10 Rients Seerps Palsma; lânboulearaar; emigreart yn 1989 nei Kanada, dêr feefersoarger, sûnt 1991 greidboer mei 25 kij te Delburne; sûnt 1994 te Penoka, Palsma Dairies Ltd, sûnt te Duchess mei 150 kij
Sjoch: Rients Palsma
GENERAASJE XI
XI.1 Wayne Palsma * 27-07-1938 † Phoenix 29-5-2018
x -12-1967 Mary Jacobson * Webster, South Dakota, 16-1-1942 † 15-5-2015 ; learares wiskunde en Ingels; dr fan Sherman en Shirley Jacobson
Sjoch: Mary Jacobson Palsma
Bern:
1 Robert Palsma * 1-1-1973
XI.2 Pieter Palsma (Piet) * Wommels 3-10-1941;
x 1 (skieden) Jeltje Gerlofsma
x 2 Tjitske Hoekstra * Vegelinsoard (Stobbegat) 10-7-1946/De Jouwer/
Bern, út it earste houlik:
1 Hendrik Palsma (Henk)/Bilbeek, Brussel/
2 Gert Palsma/Huizen (NH)/
XI.3 Gerrit Palsma (Detz) * Wommels 28-6-1944; 1866-1980 fertsjintwurdiger by Delta-Unilever (Van den Berg & Jurgens, margarine); 1980-1999 (VUT) akkountmanager by Rath & Doodeheefver-behang, noarder rayon; 1999-2019 akkount manager bûtentsjinst by Noordwand Súdlaren
x Johanna Dijkstra (Hanny) * Itens 7-4-1948; dr f. Gerrit Gerlofs Dijkstra, boer oan ’e Iewei 10 te Itens, en IJke Freerks Scheepsma
As Detz Palsma op ’e legere skoalle te Wommels sit, is dat de earste Fryske proefskoalle. Haad is skriuwer en dichter Jan Wybenga. Detz docht mei oan in harkspul dat útstjoerd wurdt foar de Regionale Omrop Noard, (de foarrinder fan Omrop Fryslân). In hele belevenis foar Detz. In kranteferslachje dêroer yn Frysk en Frij fan 2-12-1952 hat er noch altyd bewarre. Op ’e foto is er de middelste foar de mikrofoan
Bern:
1 IJke Palsma (Ineke) * Wommels 9-2-1975
x Peter Walstra/Wommels/
2 Hendrik Palsma, folget XII
XI Jan Palsma * Bitgum 18-3-1950
XI Æbe Palsma * Bitgum 26-10-1956
x Djoke Dijkman
GENERAASJE XII
XII Hendrik Palsma * Wommels 24-6-1977
x Anabeli Romon * Valencia (Venezuela)
Bern:
1 Nick Palsma * Wommels 24-12-2013