Pettertilla
By it opsetten fan de Genealogy De Jong-Bitgum, is hjir in stamrige opset fan dyselde De Jongs.
Dy is oernommen út de genealogy Stamboom Pettertilla – De Jong – Posthumus, gearstald troch Jitze Aants de Jong * St.-Anne 22-10-1938 en publiseard yn eigen behear te Dokkum yn 1985.
It doel is om op termyn dizze stamrige út te wreidzjen ta in genealogy.
Leginde/legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m. = wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien/
anecdote/statement/addition; shown in green
DG = Doopsgesind/minnist/mennonite
G = Grifformeard/reformed
KG = Kristlik Grifformeard/christian reformed
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch reformed
RK = Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in kertiersteat?/Ahnentafel
Wat is in stambeam?/Family tree
Wat is in genealogy?/Genealogy
Wat is in parenteel?/Nachkommentafel
STAMRIGE
I Jetze Sybesz † foar 1544; wennet yn 1544 ‘by Birleheem toe Pittertille’, wurdt neamd yn in oarkonde út 1487 as bewenner fan Pettertille;
x Goyck (ek: Goycke)
II
Hidde Jetses Pettertilla * Bartlehiem omstrings 1580 † Goutum 28-2-1626; wennet yn 1587 op Pettertille by Bartlehiem; skriuwer fan in kompanjy soldaten; folmacht fan Tytsjerksteradiel, wennet dan te Oentsjerk;
x Aecht Tzalens (ek: Tjalles) † 2-6-1608 [] Aldtsjerk yn ’e tsjerke
Grêfskrift:
Ao 1608 de 2 iuny sterf die eerbare Aecht Tzalens dr Hidde Ietzes wyf
Sjoch: Walmar – Pettertilla
x Sibbel [?] Laesdr
Hidde wurdt neamd yn ’e Autorisaasjeboeken yn 1649 (boarne: Nedergerjochten; Alde ynvintaris L1; aktedatum: 24-9-1649):
Fredricus Pettertilla, advocaat voor het Hof van Friesland, als vader van Jetse Pettertilla tegenwoordig lange tijd ziek te bedde gelegen hebbende en Wijger Rommerts Fogelsang, bijzitter van ‘t gerecht Baarderadeel, samen met Hebbe Tekes Wolcama, assessor van ‘t gerecht Leeuwarderadeel, als aangehuwde oom van vaders wegen en also naaste vrienden van voornoemde Jetse. Curator: Hidde Jetses Pettertilla, schrijver van een compagnie soldaten, oom van Jetse (cur.ad litis) in geschil met Dr, Albartus Monnichuijs, betreft de crediteuren van Fredricus Pettertilla tegen genoemde Jetse Pettertilla
Bern:
1 Jetse Hiddes Pettertilla, folget III
2 Laes Hiddes (ek: Claes, beide flaaifoarmen fan Nicolaas); boer te Aldtsjerk oan ’e Ie, ‘tot Wijns’ en ‘tot Pettertille onder de clockslagh van Oltkerck’; dêr tsjerkfâd en bysitter fan Tytsjerksteradiel; x Doed Tietedr
Laes syn namme stiet op ’e lytse klok fan Aldtsjerk:
Anno 1611 hebben dij gemeente v Oltkerck laeten vergieten dese clock door advys edele ernt… [erentfeste=achtbere] Gerrolt v Feytsma en Claes Hiddesz te Pottertille en Claes Ruyrtsz kerckvoechten Gregorius me f.
3 Goyck Hiddes
III
Jetse Hiddes Pettertilla † Goutum 28-2-1626; Jetse hiert mei Aefke, syn earste frou, in pleats fan it eardere kleaster te Burgum (81 pûnsmiet); bijsitter/assessor (=wethâlder) fan Ljouwerteradiel; doarpsrjochter, ûntfanger fan ’e belestingen en kompanjyskriuwer te Goutum; yn syn tredde houlik brûkt er nijlân te Jelsum en Ljouwert en lân te Marsum; mei Bauck wennet er ek te Holwert, mar hy is dêr gjin lidmaat;
x 1 Aefke Jansdr
Aefke x 1 Claes Jansz
x 2 Aefke Ewerts Bualda (Buwalda) † Goutum 1620; dr fan Evert Syrcxz Bualda en Martyn Symonsdr
x 3 1620 Bauck Feddes Reynalda * omstrings 1585; giet as widdo fan Jetse werom nei Snits; dr fan Ede Auckes Reynalda, grytman fan Doanjewerstal, en Rixt Idses
Bauck x 1 Lyckle Saeckes, apteker te Snits
Bauck x 2 Dirk Lieuwes; sekretaris te Snits, as Theodorus Leontinus dr en professor te Frjentsjer
Bern út it earste boask:
1 Sibbel Jetses Pettertilla † wierskynlik Easterwierrum 14-11-1667, 70 jier, [] Easterwierrum yn ’e tsjerke;
x Wyger Rommerts Fogelsangh † wierskynlik Easterwierrum 19-8-1665, 74 jier, [] Easterwierrum yn tsjerke; bysitter, meirjochter fan Baarderadiel; doarpsrjochter fan Easterwierrum; sn fan Rommert Ysckes Fogelsangh en Hylck N.N.
Grêfskriften:
Ao 1665 de 19 augusti sterf Vicker Rommerts Foghelsangh mede rechter van Baerderdeel en dorprechter van Oosterwrm int 75 iaer
Ao 1667 den 14 november sterf Sybbeltie Ietses Pattertilla zin wyf out 70 iaer
2 Claeske Jetses Pettertilla † 1628;
x Hebbe Tæckes Wolcama * Wurdum omstrings 1605 † Goutum omstrings 1661; sn fan Tæcke Wilckes Wolcama en Syts Aetesdr
3 Aefke Ietses Patertille † 8-8-1644 [] Goutum yn tsjerke;
x 1 Tæcke Tæckes; x 2 Rommert Wypkes, boer te Boazum
Grêfskrift:
Ao 1644 den 8 augusty is in den heere gerust de eerbare duchtrycke en godtsalyge Aefke Ietses Patertille die huisvrou va Rommert Wypkes en leit hier begrave met twe van haer kinders Claske en Achtie genamt
Bern út it twadde boask:
4 Martien Ietses Pettertelle (ek Martsen) † 5-6-1633, 27 jier, [] Goutum yn tsjerke;
x Jorit Seerps Twyns † 28-10-1657, 59 jier, [] Goutum yn tsjerke
Grêfskriften:
Ao 1657 den 28 octobris sterf de eersame Ioryt Seerps Twyns out 59 iaren hier begraven
Ao 1633 de 5 iuny sterf d’ eerbare Martien Ietses Pettertelle sy wyf out 27 iare met 5 kinderen begraven
Anno 1655 den 23 ianuari sterf de eerbare Syuke Ioryts dochter Twyns out int 26 iaer ende leit hier begrave
5 Aecht Jetses Pettertilla * omstrings 1609;
x Frans Tiercks (Franciscus Spercemii)
6 Trijntie Jetses Pettertilla * omstrings 1611;
x Joucke Hansma, te Turns
7 Hidde Jetses Pettertilla, folget IV
Bern út it tredde boask:
8 Fedde Jetses Pettertilla (Fredericus) * Goutum † foar 19-6-1669; yn 1636 studint te Frjentsjer; wurdt 25-10-1642 boarger fan Ljouwert; dêr advokaat foar it Hof fan Fryslân; Fedde keapet tusken 1646 en 1649 oan ’e súdside fan ’e Nijstêd yn parten in hûs ‘alwaer ’t swart lam uithangt’;
x 1 Ljouwert 14-1-1643 Claeske Monnickhuis
x 2 Ljouwert 1646 (tredde proklamaasje 4-10-1646) Antie Wibes Pibinga * Frjentsjer 1-5-1628 † dêr 15-3-1700, 72 jier, [] Martinitsjerke, Frjentsjer; dr fan Wibe Jacobs Pibinga (Vibio Iacobi), boargemaster fan Frjentsjer, en Froukje Jacobs
Anne x 2 Nicolaas Michaels Arnoldi † Frjentsjer 15-10-1680, 62 jier, [] Martintsjerke, Frjentsjer; professor yn ’e teology te Frjentsjer
Grêfskriften:
Anno 1680 den 15 october sterf de heer Nicolaus Arnoldi s.s. theologiae doctor en professor in den universiteit alhier oud 62 iaeren
Anno 1700 den 15 maart sterf juffrouw Anna Pibinga huisvrouw van de heer Nicolaus Arnoldi oud 72 iaeren en liggen alhier begraven
Den 14 september 1754 stierf tot grote droefheidt syner ouderen de welgeboren heer Martinus Arnoldi i u d en advocaat oud 22 iaaren min 2 dagen en leit alhier begraven
Sjoch: Walmar – Piebinga
9 Eilard Jetses Pettertilla (ek: Eilardus) * Goutum † 1703; yn 1642 studint te Frjentsjer; yn 1644 siktaris fan Doanjewerstal; erft in sate en lân te Eagmaryp fan Siouck van Mellema, dy’t er ôfstiet en ferfalt op 24-9-1687 oan ‘de heerlijkheyt van Frieslant/…/welcke zathe hij als niet profitabel maer schadelijk sijnde voor den jare 1687 heeft verlaten/…/ (Sivile Sintinsjes 343-3 1720); yn 1720 wurdt dy pleats troch de Eagmarypsters noch Pettertilla neamd en it lân ‘Patertillalant’
IV
Hidde Jetses Pettertilla (ek: Paetertilla) * Goutum omstrings 1615 † nei 1673; yn syn earste boask boer te Wurdum op ’e pleats fan syn skoanheit Aysma, dêr wurde fan 1639-1657 sân bern doopt; Hidde en Aaltsje hiere dêr 60 pûnsmiet fan Aaltsje har âldelju (hiersom 150 goudgûnen), se keapje fan deselden de dêrby hearrende ‘huisinge, schuire, hoving, bomen en plantagie’, keapsom: 5.000,00 goudgûnen;
Hidde is skriuwer fan de ’compagnie des hopmans Gerrit van Burmania en fan ‘de comp. des capiteins Rijsselar’; oant 13-2-1664 skriuwer fan ’e ‘comp. Van Aijsma’, in kompanjy te foet;
hy wennet mei syn twadde houlik wierskynlik te Ljouwert;
by syn twadde houlik boarger fan Snits;
yn syn tredde houlik skriuwer fan Westdongeradiel;
x 1 Lekkum 6-1-1639 (ûndertrou Wurdum 1639) Aeltie Hotses Aysma (ek: Aelcke, Anthie) * Wurdum 12-5-1618 † -10-1660; docht belidenis te Wurdum op 26-1-1649; dr fan Hotze Sybolts Aysma, te Wurdum, bysitter fan Ljouwerteradiel, kompanjyskriuwer, en Antie Idses (ek: Anna, Ancke)
Sjoch:
-Onno Hellinga, Pieter Nieuwland en André Buwalda, Aysma, Lauta van Aysma, IVd.7, side 278; Genealogysk Jierboek 2022, Fryske Akademy, Afûk 2022
-Simon Wierstra, Genealogie van het adellijk geslacht Lauta van Aysma – VI-c
x 2 Snits 26-8-1664 Martien Fockes Damminga, hy fan Ljouwert, sy fan Snits;
mooglik makke Hidde ek wurk fan in oare frou, Nieske Simens, want by syn houlik wurdt oantekene:
Hidde Jetses Pettertilla schriever van een comp. te voet en Martien Fockes Damminga van Sneek att. 22 Juli 1664.
Deze geboden zijn tijdelijk gestuit door Catharina Willems voor haar dochter Nieske Simens.
x 3 Frouckien Thomas * Jelsum nei 1612; dr fan Thomas Thomaszn, dûmeny te Blije en Koarnjum;
Frouck x 1 Ljouwert 14-12-1651 Gabbe Piers, smelskipper
Bern út it earste boask, allegear ~ te Wurdum:
1 Jetse Hiddes Pettertilla ~3-11-1639
2 Jan Hiddes Pettertilla ~ 25-9-1641
3 Hotse Hiddes Pettertilla ~ 12-5-1644
4 Aefcke Hiddes Pettertilla ~ 15-3-1646; docht belidenis yn ’e Pein op 20-9-1668 en wennet dêr dan ek, allyksa yn 1669, yn 1674, ’77 te Drachten; sy en Lyckle wurde lidmaat te Drachten op attestaasje fan De Pein;
x Aldegea, Smellingerlân, 5-7-1668 Lyckle Tyebbis, sy fan Ljouwert, hy fan De Pein, Smellingerlân; befestige as âlderling fan Noarderdrachten op 15-5-1676
Lyckle x 1 Maycke Jelckes
Lyckle x 2 Frouckje Fockens Eringa; testeart op 26-9-1667 yn ’e Pein; dr fan Focke Fockens Eringa, fan Drachten, sekretaris fan Smellingerlân, en Lysbeth Hotzes Aysma, fan Wurdum, Lysbeth fiert yn 1657, ’58 en 1669 prosessen tsjin Hidde Jetses Pettertilla (IV, hjirboppe)
5 Aechtie Hiddes Pettertilla ~ 9-4-1648
6 Martsen Hiddes Pettertilla (ek: Martje, doopt as Martsen) ~ 22-6-1651 † Drachten 17-7-1701;
x Drachten 30-7-1682 Pier Auckes † Drachten 31-10-1721; feanbaas te Drachten;
Pier x 2 Klaaske Everts
7 Trijntie Hiddes Pettertilla ~ 12-7-1657
Bern út it tredde houlik:
8 Jetse Hiddes Pettertilla, folget V
9 Aeghtie Hiddes Pettertilla ~ Holwert 30-6-1673
V
Jetse Hiddes Pettertille (ek ferbastere ta: Patertille) ~ Holwert 30-7-1671 † foar 8-9-1709
x Holwert 1698 (ûnder de geboadens 17-12-1698) Bauckien Pyters; as widdo fan har twadde man eigner fan ’e bierbrouwerij te Holwert (de nûmers 24 o/m 27), dêr’t har soannen Hidde en Jitse brouwer binne
Bauck x 2 omstrings 1709 Sjoerd Geerts
Bern:
1 Vrauk Jetses Pettertilla ~ Holwert 14-1-1700; x Eelse Melis
2 Antie Jetses Pettertilla ~ Holwert 20-8-1702; x Haye Jilderts
3 Hidde Jetses Pettertilla ~ Holwert 7-6-1705 † 1738; Mr brouwer te Holwert, de brouwerij wurdt ferkocht op 16-1-1738 (Weesboek, RA Westdongeradiel Q26); hy en syn frou binne lidmaten te Holwert yn 1736; x Jeltje Durks * Dokkum 3-8-1712 [?]; mooglik dr fan Dirk Wybrens, bakker te Dokkum bûten de Ælsumer poarte
4 Jetse Jetses Pettertilla, folget VI
VI
Jetse Jetses Pettertille (ek: Jitse Jitses) ~ Holwert 12-9-1708 † 1788; bierbrouwer yn ’e Goits Hanne of Goitz Harne te Holwert, yn 1744 dêrfan hierder, (dêr’t earder syn broer Hidde bierbrouwer is), dêrfan eigner yn 1766; oerfarder fan Holwert nei ’t Amelân te Holwert, it skip wurdt ferkocht yn jannewaris 1787 as Jitse 79 jier is;
Kwotiaasjekohier Westdongeradiel1749: Brouwer en Overvaarder kan de cost winnen; yn in Hypteekboek wurdt Jitse Posthumus neamd: soan fan ’e ferstoarne Jitse; Jitse syn soan Reyn nimt Posthumus as achternamme oan;
x Holwert 1741 (ûnder de geboadens 4-11-1741) Thomaske Reins † Holwert 1778
Acht bern, ûnder oaren:
1 Jitse Jitses ‘de Jonge’, folget VII yn ’e Genealogy De Jong (Bitgum)