Home » Famyljes » Post (Barradiel) » Genealogy Post – Seisbierrum

Stamrige en fragmint stambeam

Dizze stamrige en genealogy tsjinnet ta ûnderstiping fan ’e Kolleksje Post-Westra.
De ûnderskate persoanen dy’t dêryn te finen binne hawwe hjir har plak yn famyljeferbannen.
Dit is wurk yn útfiering. Graach oanfullingen en ferbetteringen nei info@erfgoed-fundaasje.nl formulier

Undersyk: Erfgoed Fundaasje – Goasse Brouwer
Meidielingen: Piter Post (VII.2)
Boarnen û.o.:
Boargerlike Stân en Notariële argiven
Familiepraat.

Leginde/Legend
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
w.m.= wennet mei/living together
sk = skieden/divorced
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§ = anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
D = Dolearend/1886 Dutch Reformed Church split
DG = Doopsgesind/Mennonite
G = Grifformeard/Reformed
GF = Grifformeard Frijmakke/Reformed liberated
GT = Gjin tsjerkegenoatskip/No denomination
FE = Frij Evangelys/Free Evangelical
HA = Gemeente der Herstelde Apostolische Zendingskerk/Congregation of the Renewed Apostolic Mission Church
KG = Kristlik Grifformeard/Christian Reformed
KO= Kristlik Ofskieden/Christian Segregated Church
NH = Nederlâns Herfoarmd/Dutch Reformed
RK=Rooms Katolyk/Roman Catholic
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?
Wat is in stamrige?


YNHÂLD
Stamrige I-V
§ Wâtse Piters neamt him Post nei in post
– Namme-oannimming ûnder Napoleon – 1812
§ Twa Sytses yn ien gesin – De bruorkes ha deselde namme – 1816/1819
§ Regeart de dea? – Njoggen jongferstoarne bern – 1852-1873
Genealogy
§ Sybren Post wurdt troch Brúnsma’s heind
– In wees yn erbarmen ûntfongen – 1880

STAMRIGE
Pieter Alberts, gernier oan ’e Slachtedyk, neffens it Floreenkohier út 1738 brûker dêr fan 1,5 pûnsmiet;
x Seisbierrum 29-4-1731, beide fan Seisbierrum, Rintske Pijters
Bern:
1 Pietje Pieters ~ Seisbierrum 5-10-1732
2 Albert Pieters ~Seisbierrum 18-7-1734
3 Pieter, folget II 

II
Pieter Pieters (postúm: Post, bygelyks yn ’e stjerakte fan syn soan Andrys) * Seisbierrum 1740 ~ Seisbierrum, op belidenis, 20-11-1774 tagelyk mei de doop fan syn âldste soantsjes Andrys en Piter, † dêr -3-1797; húsman (=boer) ûnder Seisbierrum, neffens Speesjekohier oanslein foar 39 caroligûne, 6 stuorren en 8 penningen; Piter betellet skoarstienjild foar twa skoarstiennen, hy besit 38 pûnsmiet besiedde lân, trije kij, twa rieren en sân hynders – in typysk bouboerebedriuw;
x Seisbierrum 12-9-1773 Oeke Eiberts (ek: Eiles, Eilerts; yn stjerakte: Eilerds, sûnder Dijkstra, postúm: Dijkstra; Oeke kin net skriuwe;) * Seisbierrum omstrings 1743 † dêr 21-4-1817, hûsnr 113, 74 jier; bouboerinne ûnder Seisbierrum oant har ferstjerren mei 74 jier; dr fan Eibert Sijmens en Rigstje Douwes, mooglik bouboeren te Ferwert en Seisbierrum
Bern:
1 Andries Pieters Post * Seisbierrum 9-10-1773 ~ dêr 20-11-1774 † dêr 14-12-1823, hûsnr 37, 50 jier; yn ’e stjerakte fan syn dochter Oeke yn 1837 wurdt er Postma neamd; koaltsjer te Seisbierrum, yn 1818 en by ferstjerren dêr arbeider;
x Seisbierrum 17-5-1801 Rinske Alberts Elzinga * Seisbierrum 1778 ~ dêr, op belidenis, 27-4-1806 † dêr 19-3-1837, hûsnr 37, 59 jier; yn 1823 en by ferstjerren arbeidster te Seisbierrum; dr fan Albert Floris (neffens Rinske har stjerakte; neffens de stjerakte fan har broer Piter is it patronym fan har heit Pieters) en Rinske Pieters, suster fan Pieter (II.3)
Bern: Oekjen * 1802; Pieter * 1805 † 1818; Renske * 1807 † 1832; Grietje * 1810 † 1849; Albert * 1814
2 Pieter Pieters * Seisbierrum 23-10-1774 ~ dêr 20-11-1774
3 Aaltje Pieters Post * Seisbierrum 15-8-1776 † dêr 3-3-1827, hûsnr 74, 50 jier; by ferstjerren winkelfrou te Seisbierrum; docht op 11-5-1817 belidenis te Seisbierrum;
x Seisbierrum 25-4-1802 Pieter Alberts Elzinga * Seisbierrum 1768 ~ dêr 23-10-1803 † dêr 20-3-1844, hûsnr 67, 76 jier; yn 1814, ’27 skuonmakker te Seisbierrum, yn 1817 dêr winkelman, by ferstjerren dêr sûnder berop; broer fan Rinske (II.1); sn fan Albert Pieters (neffens de stjerakte fan Pieter)
Piter nimt op 27-12-1812 de namme Elzinga oan foar himsels en syn bern Piter en Rinske. Hy tekenet dan sels: Elsenga; Piter stiet ek te boek as Elsinga, bygelyks yn syn stjerakte.
4 Douwe Pieters * Seisbierrum 8-9-1777 ~ dêr 14-9-1777 † St.-Jabik 29-4-1809, 32 jier
5 Rense Pieters Post * Seisbierrum 13-2-1779 † Kleaster Lidlum 9-6-1825, hûsnr 6, 47 jier; by trouwen en dêrnei bouboer yn ’t Kleaster Lidlum op nr 6; Rinse en Jantsy wurde op 6-2-1814 oerskreaun út Seisbierrum nei ’t Kleaster Lidlum; Rinse docht dêr op 13-4-1814 belidenis; diaken te Easterbierrum; tsjerkfâd foar ’t Kleaster Lidlum;
x Barradiel 15-5-1813, 22 en 34 jier, Jantje Jans Hoekstra * Seisbierrum omstrings 1793 † Kleaster Lidlum 3-1-1825, hûsnr 6, 32 jier; by trouwen faam te Seisbierrum, dêrnei bouboerinne yn ’t Kleaster Lidlum; dr fan Jan Jans Hoekstra (ek: Jan Jansen Hoekstra), en Reintie Hobbes, koaltsjers te Seisbierrum (52), Reintsy wennet as widdo sûnder berop te Tsjummearum (47)
Bern: Reintje, Oeke, Jan, Pietje en Pieter Rinses Post.
6 Durk Pieters * Seisbierrum 18-12-1780 6-1-1781 ~ dêr † dêr 1781
7 Durk Pieters Post (ek: Dirk) * Seisbierrum 7-1-1782 ~ dêr 27-1-1782 † dêr 8-2-1843, hûsnr 137, 61 jier; arbeider te Seisbierrum
8 Watse Pieters Post, folget III
9 Renske Pieters Post (ek: Rinske, se tekenet sels ûnder har trou-akte: Renske) * Seisbierrum 20-2-1785 † dêr 21-11-1852, hûsnr 128, 67 jier; by trouwen faam te Seisbierrum; Rinske wurdt mei Tsead op 6-5-1821 op belidenis oannommen te Seisbierrum;
x Barradiel 26-4-1820, 35 en 25 jier, Tjeerd Eekes Zijlstra * Tsjummearum 17-1-1795 † Seisbierrum 28-1-1874, hûsnr 150, 79 jier; by trouwen en dêrnei arbeider te Seisbierrum; sûnt omstrings 1840 dêr koaltsjer op nr 128, letter nr 150; by ferstjerren mei 79 jier dêr slûswachter; sn fan Eeke Sjoerds (postúm: Zijlstra, bygelyks yn ’e trou-akten fan syn bern Klaaske en Klaas yn 1813 en Tsead) en Janke Jacobs, skippers te Tsjummearum
Rinske ferkeapet yn ’e mande mei har broer Durk te Easterbierrum op 29-10-1826 oan Pieter Jans Stoer te Seisbierrum, dêr boulân; keapsom: f 800,00; notaris: Andries Stinstra te Frjentsjer; Repertoire: 040035  
10 Rigtje Pieters * Seisbierrum 10-3-1787 ~ dêr 25-3-1787

III
Watze Pieters Post * Seisbierrum 8-6-1783 ~ dêr 29-6-1783 † Kleaster Lidlum, Easterbierrum 9-11-1830, nr 7, 45 jier; by trouwen ‘voluit van Beroep Landbouwer’ ûnder Seisbierrum; wennet oan ’e Slachte, mooglik by in post, dat kin in stasjon wêze foar bygelyks in postkoets; de namme Post soe dêr oan ûntliend wêze; boer ûnder Kleaster Lidlum, hûsnr 7; neffens it Floreenkohier fan 1829 is er dêr brûker fan 34 bunder lân beëasten de Munnikedyk (Mûntsedyk);
x Barradiel 7-5-1814 Rigstje Sytses Douma (skriuwt sels: Rigstje, fergelykje: Rigst, Rixt; yn berte-akte fan Sytse yn 1816 wurdt hja ek sa neamd; ek: Rigtje, Rigtsje; achternamme ek: Douwma) * Seisbierrum 30-8-1794 ~ dêr 14-9-1794 † Kleaster Lidlum 10-9-1846, nr 7, 52 jier; by trouwen ‘voluit waarnemende het Boerewerk’ te Seisbierrum, dr f. Sytse Sjoerds (ek: Douma, brûkt sels dy fan net); boer te Seisbierrum, yn 1814 dêr sûnder berop, en Intie Johannes de Boer (ek: Yntje Johans, en: Eentje, Jintje);
Rigstje x 2 Barradiel 17-8-1833, 37 en 29 jier, Nies Tækes Zondervan * Seisbierrum 9-7-1804 ~ dêr 15-7-1804 † Frjentsjer 20-6-1881, 76 jier; by earste boask arbeider yn ’t Kleaster Lidlum, by twadde houlik dêr bouboer; yn 1872, ’73, ’74 boer te Tsjom; yn 1877, ’79 sûnder berop te Frjentsjer, yn 1881 dêr rintenier; sn fan Tæke Nieses en Aafke Johannes, yn 1833 arbeidster te Seisbierrum, tekenet yn 1833: A. Yohannes
Rigstsy hat út har earste boask gjin bern, út har twadde twa soannen: Tæke * 1836, en Johannes Nieses Zondervan * 1840
Nies x 2 syn skoandochter Sjoerdtje Jans Bosch (III.2)
Wâtse is yn 1825 fâd oer de bern fan syn broer Rinse Pieters Post.
Watse Pieters hiert yn 1829 in sate en lân op Kleaster Lidlum fan Simeon Petrus van Idsinga te Den Haach, foar fiif jier; hiersom: f 1.310,00 yn ’t jier.
Notarieel argyf; notaris Isaac Telting; kantoar Frjentsjer II; repertoaire: 041035; hierkontrakt 16-1-1829

Bern:
1 Sytse Watses Post, * Kleaster Lidlum 26-3-1815 † dêr 13-12-1817, hûsnr 7, twa en in heal jier
2 Sytse Watses Post, (ek: Sytze, yn berte- en trou-akte ynskreaun as Sytse) * Kleaster Lidlum 16-6-1816 † dêr 23-7-1844, hûsnr 7, 29 jier; by trouwen sûnder berop yn ’t Kleaster Lidlum; sûnt dêr koaltsjer en boer, by ferstjerren dêr koaltsjer op nr 7; Sytse lit by syn ferstjerren in saldo nei fan f 20,00;
x Barradiel 22-5-1841, 26 en 22 jier, Sjoerdtje Jans Bosch * Winaam 10-12-1818 † Kleaster Lidlum 29-11-1859, hûsnr 9 (neist de pleats), 40 jier; by earste boask faam te Easterbierrum, dêrnei koaltsjerske yn ’t Kleaster Lidlum, by twadde houlik sûnder berop te Easterbierrum, yn ’t Kleaster Lidlum grif; dr fan Jan Jans Bosch en Antje Gerrits Tilstra, bouboeren ûnder Winaam, Antsy is as widdo yn 1840 sûnder berop te Easterbierrum, sûnt 1841 dêr winkelfrou (45k, 61);
Sjoerdtsy x 2 Barradiel 21-10-1848, 29 en 44 jier, op houlikse betingsten, Nies Tækes Zondervan, de twadde man fan har skoanmem, widner fan Rigstsy Sytses Douma (III)
Sjoerdtsy hat út har earste boask gjin bern, út har twadde alve: Aafke * 1845, Jan * 1849, Aafke * 1850, Antje * 1851, Rigtje * 1852, Wapke * 1854, Rigtje en Trijntje * 1855, Trijntje * 1856, Sytske * 1857, Sytske * 1859
3 Sytse Watses Post * Kleaster Lidlum 28-5-1819 † Easterbierrum 26-4-1880, 60 jier; KO; by trouwen en dêrnei koaltsjer te Kleaster Lidlum (nrs 25, 28, 53); by ferstjerren arbeider te Easterbierrum;
x Barradiel 10-5-1851, 31 en 22 jier, Jaike Harmens Ennema * Easterbierrum 30-10-1828 † dêr 23-2-1911, 82 jier; KO; by trouwen faam te Kleaster Lidlum en wenjend te Easterbierrum; as widdo arbeidster te Easterbierrum; dr fan Harmen Tjerks Ennema, yn 1823, ’40, ’51 arbeider te Easterbierrum; yn 1825, ’28, ’31, ’35, ’37 dêr koaltsjer, en Geertje Andries Haadsma (tekenet trou-akte fan Jaike mei Haatsma)
Bern: Rigtje * 1852; Geertje * 1853; Grietje * 1856; Watze * 1858; Pietertje * 1860; Harmen * 1862; Dieuwke * 1864; Pieter * 1867
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Haadsma
Sytse Watses Post keapet op 7-8-1850 boulân te Easterbierrum fan Albert Witholt te Easterbierrum; keapsom: f 1.237,00; notaris: Gijsbertus Schot te Frjentsjer; Repertoire: 041086
Sytse ferkeapet op 27-2-1865 boulân en in leane ûnder Easterbierrum (seksje D nrs 291 en 197) oan Jacobus Jans Burggraaff te Easterbierrum; keapsom: f 3.600,00; notaris Schot
Sytse ferkeapet op 16-9-1871 in hûs en hiem te Easterbierrum oan Jacob Jacobs Schotanus te Easterbierrum; keapsom: f 1.204,00; notaris Albert Witholt, Seisbierrum; repertoire 117028; aktenr: 00085.
4 Jentje Watses Post, folget IV
5 Douwe Watses Post * Kleaster Lidlum 7-3-1823 † dêr 29-8-1829 hûsnr 7, 6 jier.

§ Wâtse Piters neamt him Post nei in post
Wâtse Piters nimt op 12 maart 1918 ûnder Napoleon
de namme Post oan. Hy betenet syn namme bysûnder sierlik ûnder de akte.
Wâtse-en-dy wenje oan ’e Slachtedyk, mooglik by in post, dat kin in stasjon wêze foar bygelyks in postkoets. Fanâlds wienen de wegen ferdield yn posten, ôfstannen. De namme Post soe dêr op weromgean en oan ûntliend wêze.
Wâtse syn bruorren Andrys, Durk en Rinse nimme op ’e selde dei allyksa de fan Post oan.

Watse Pieters nimt op 12 maart 1812 de namme Post oan
Hantekeningen ûnder trou-akte fan Watse Pieters Post en Rigtsje Sytses Douma:
Watse, Rigstje, heit Sytse Sjoerds, boer op Kleaster Lidlum; earste tsjûge Andrys Piters Post, 41 jier, koaltsjer te Seisboierrum; twadde tsjûge Rinse Piters Post, 34, boer op Kleaster Lidlum; tredde tsjûge sweager Piter Alberts Elsenga, 25, Mr skuonmakker te Sisbierrum; fjirde tsjûge broer Johannes Sytses Douma, 22 jier, boer ûnder Seisbierrum;
mem Oeke Eiles kin net skriuwe en set har hânmerk yn ’e foarm fan in krúske

§ Twa Sytses yn ien gesin
It is kurieus: yn ’e húshâlding fan Watse Pieters en Rigstsje Sytses binne twa Sytses, de earste geboaren yn 1816 de twadde yn 1819.
Soks komt eins net foar. Hoe soenen se de jonges ûnderskiedend neamd ha? Lytse Sytse en Grutte Sytse?

IV
Jentje Watses Post * Kleaster Lidlum, ûnder Easterbierrum 18-6-1820 † Easterbierrum 20-6-1876, hûsnr 27, op twa dagen nei 56 jier; koaltsjer (mooglik 25-30 pûnsmiet); hiert yn 1847 foar fiif jier boulân op Kleaster Lidlum fan Doede Jacobs van der Weide te Kleaster Lidlum, foar f 80,00 yn ’t jier; sûnt omstrings 1855 bouboer te Easterbierrum (nrs 23k, 27), dêr’t er tsjerkelân hiert, yn 1867 pachtet er dêr trije perselen lân foar fiif jier fan Pieter Pieters Koopmans te Winaam; yn 1876 hat Jintsy lân en pleats yn eigendom, 2 hynders, hy ferbout ierappels, flaaks, weet en kanarysied; foardielige steat (bûten de fêststichheden): f 3.358,75; yn syn stjerakte wurdt er koaltsjer neamd; Jintsy is fâd oer de weesbern fan Jouke Pieters Anema te Easterbierrum;
x Barradiel 22-5-1851, 30 en 27 jier, Nieske Sybrens Smith * Marrum 20-5-1824 † Easterbierrum 19-6-1873, nr 27, 49 jier; by trouwen faam te Seisbierrum, dr f. Sybren Cornelis Smith, sûkereifabrikant te Marrum, en Sææske Jans Steensma.
Jintsy keapet op 28-2-1848 fan Klaas Arjens Hiemstra te Easterbierrum dêr boulân; keapsom: f 2.550,00; notaris: Gijsbertus Schot te Frjentsjer; Repertoire: 041086
-Jintsy keapet op 30-9-1854 fan Rinnert la Fleur te Tsjummearum, perseel nr 170 te Easterbierrum; keapsom: f 1.381,00; notaris Schot
-Jintsy keapet op 3-1-1855 fan Aafke Broers Feenstra te Easterbierrum, it hûs nr 20 mei skuorre en hiem; keapsom: f 896,00; notaris: Albert Witholt te Seisbierrum; Repertoire: 117028
Jintsy keapet op 16-3-1861 fan Jan Aukes Brouwer en Jeltje Botes Nijdam, widdo fan Auke Jans Brouwer, beide te Easterbierrum, dêr in perseel boulân; keapsom: f 202,00; notaris Witholt
Jintsy hat op 23-6-1862 in skuld fan f 5.000,00 by Theodorus Marius Theresius Looxma te Oentsjerk; notaris Schot
-Jintsy keapet op 24-3-1862 fan Rudolph Reinier Wentholt te Weidum, perseel 853 te Seisbierrum; keapsom: f 3281,00; notaris Schot
Jintsy keapet op 9-12-1865 fan Sikke Simons Dijkstra c.s. te Seisbierrum, it hûs mei hiem nr 27 te Easterbierrum; keapsom: f 1.733,00; notaris Witholt
Jintsy ferkeapet op 7-5-1866 oan Pieter Tjipkes Hamersma te easterbierrum dêr it hûs seksje D nr 315; keapsom: f 1.200,00; notaris Schot
Bern:
1 Watze Jentjes Post * Easterbierrum 8-9-1852 † dêr 13-12-1852, hûsnr 7, 3 moanne
2 Watse Jentjes Post, folget V.1
3 Seeske Jentjes Post * Easterbierrum 7-8-1855 † dêr 3-10-1872, hûsnr 27, 17 jier
4 Rigtje Jentjes Post * Easterbierrum 27-10-1856 † dêr 11-11-1856, hûsnr 21, 15 dagen
5 Libbenleaze soan *-† Easterbierrum 23-2-1858, hûsnr 20
6 Sybren Jentjes Post, folget V.2
7 Rigtje Jentjes Post
* Easterbierrum 7-4-1860 † dêr 27-10-1863, hûsnr 23, moarns healwei fiven, in healoere earder as har bruorke Piter, 3 jier
8 Tjitske Jentjes Post * Easterbierrum 3-5-1861 † dêr 19-8-1861, hûsnr 27, 3 moanne
9 Pieter Jentjes Post * Easterbierrum 27-9-1862 † dêr 19-10-1863, hûsnr 23, moarns 6 oere, in healoere letter as syn suske Rigtsy, 1 jier,
10 Pieter Jentjes Post, folget V.3
11 Rigtje Jentjes Post
* Easterbierrum 4-5-1865 † Davos, wenjend te Garyp 26-2-1889, 23 jier; giet yn 1878 nei Spannum; komt 4-2-1881 dêrwei yn Garyp (nr 120); hat TBC en kuert yn Davos, Switserlân
12 Cornelis Jentjes Post * Easterbierrum 25-9-1866 † dêr 24-2-1867, hûsnr 27, 5 moanne.

§ Regeart de dea?
Fan ’e tolve bern fan Nies en Jintsy wurde trije folwoeksen: de twadde Wâtse, Sybren en de tredde Richtsy. Sæske wurdt santjin.
De earste Wâtse ferstjert mei trije moanne yn 1852; de earste Richtsy mei 15 dagen yn 1863; der komt in libbenleas soantsje yn 1858; yn 1861 fertiget Tsjitske, ek mei trije moanne; de twadde Rigtsy giet mei trije jier oer yn 1863, in healoere earder as har bruorke Piter, mei ien jier; Knillis ferstjert mei trije moanne yn 1867.

Sæske himelet mei 17 jier yn 1872 en de tredde Richtsy mei 23 jier yn 1889.
Dat lêste ferlies makket Nies net mear mei. Se ferstjert yn 1873. Wâtse is dan achttjin jier, Sybren trettjin en Richtsy sân.
Neffens famyljeoerlevering makket Nies in ein oan har libben troch har holle lang genôch yn in tobbe wetter te hâlden. Mei it each op ’e rou-advertinsje soe men dat net tinke: zij ontsliep zacht en kalm en der is sprake fan har zalig heengaan.
De kopy út ’e krante is nochal trûbel, de oanfang is:
Nog treurende over het verlies van onzen dierbare oudste dochter SÆÆSKE, trof mij nog een gevoeliger slag,

Leeuwarder Courant 27-6-1873

Trije jier nei Nies har fertigen slacht Jintsy de hân oan himsels.
Sybren kin it syn heit syn hele leven net ferjaan dat dy him tekoart dien hat.

GENEALOGY

GENERAASJE V
V.1 Watse Jentjes Post * Easterbierrum 2-3-1854 † wierskynlik Noard Amearika; foar syn trouwen en dêrnei koaltsjer op it âlderlik spul te Easterbierrum (nr 27, letter 52), hiert yn 1879 dêr lân fan Jacob Jans Burggraaff te Easterbierrum; yn 1880 dêr neamd bouboer; yn 1884 dêr koaltsjer en winkelman; ferfart mei Eke, dochter Tryntsy en soan Durk op 14-3-1885 nei Noard Amerika, ‘unidentified region’;
x Barradiel 15-3-1877, 23 en 19 jier, Eke Durks Koopmans * Minnertsgea 7-10-1857; by trouwen sûnder berop te Minnertsgea; dr f. Durk Durks Koopmans, by syn trouwen yn 1854 bakker te Hallum, en Trijntje Jans Galema, sûnt har houlik bakkers te Minnertsgea; Durk tekenet sels: Durk Durks Koopmans, yn akten skriuwe amtners ek: Dirk Dirks Koopmans
Wâtse hat op 12-11-1879 in skuld fan f 5.000,00 by Dirk Fontein te Harns;
Wâtse ferkeapet op 16-2-1884 oan syn broer Sybren te Easterbierrrum dêr in perseel lân; keapsom: f 5.442,00; notaris: Willem Sypkens Kijlstra te Harns; Repertoire: 050077
Bern:
1 Dirk Watses Post
* Easterbierrum 15-12-1877 † dêr 18-5-1881, 3 jier
2 Jentje Watses Post * Easterbierrum 27-1-1879 † dêr 17-12-1884, 5 jier
3 Trijntje Watses Post * Easterbierrum 9-2-1880 † dêr 17-8-1880, 6 moanne
4 Trijntje Watses Post * Easterbierrum 24-3-1881; ferfart op 14-3-1885 mei har âlden en bruorke Durk nei Noard Amerika
5 Dirk Watses Post * Easterbierrum 4-9-1882; ferfart op 14-3-1885 mei syn âlden en suske Tryntsje nei Noard Amerika
6 Nieske Watses Post * Easterbierrum 8-1-1884 † dêr 13-9-1884, 8 moanne

V.2 Sybren Jentjes Post * Easterbierrum 10-2-1859 † Seisbierrum 24-11-1934, 75 jier, [] dêr; as wees arbeider te Easterbierrum op ’e nrs 78 en 155; by trouwen gernier te Easterbierrum yn ’t Kleaster Anjum, sûnt syn troudei dêr gernier-koaltsjer (nr 91); sûnt 1890 bouboer oan ’e Alddyk ûnder Seisbierrum – it lân is foar in part noch út it erfskip fan syn heit: de erfenis wie ‘lizzen bleaun’; wennet yn 1925, ’28, ’33 te Pitersbierrum;
x Barradiel 17-5-1883, 24 en 26 jier, Aaltje Jans Bruinsma * Seisbierrum 7-7-1856 † dêr 17-10-1947, 90 jier, [] dêr; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; bouboerinne yn ’t Kleaster Anjum; dr f. Jan Feikes Bruinsma, sûnt 1846 bouboer op Liauckama state te Seisbierrum, dêr earmfâd, en Aaltje Seerps Anema
Sybren wurdt op 17-3-1879 goedkeurd foar de militêre tsjinst en ta de tsjinst oanwiisd; hy krijt op 22-4-1879 by nûmerferwikseling in plakferfanger yn Hessel Roorda te Pitersbierrum, 2e Rezjimint Fjildartillery. Sybren syn fâd is dan Janke Anema. .
Sinjalemint: 1 meter, 669 millimeter; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: ord(inair)=gewoan; Oogen: blaauw; Neus: ord.; Mond: id(em); Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id; Merbare teekenen: geene.

-Sybren is yn 1889 tasjend fâd oer syn omkesizzer Jeltje Pieters Post (V.3.1) te Burgum
-Sybren keapet op 16-2-1884 fan syn broer Wâtse te Easterbierrrum dêr in perseel lân; keapsom: f 5.442,00; notaris: Willem Sypkens Kijlstra te Harns; Repertoire: 050077
Sybren keapet op 23-8-1889 fan Pieter Sjoerds Kiestra te Huzum, fâd oer Douwe en Hendricus Willem Jannereth en fan Sjoerd en Albert Jans Jannereth, beide te Seisbierrum, boulân en in hûs – de Stjelp – te Seisbierrum; keapsom: f 10.396,00; notaris: Hylke de Koe te Seisbierrum; Repertoire: 117057
-Sybren keapet op 16-8-1916 fan Jacob de Ruiter en Cornelis Groendijk, beide te Harns, fjouwer perselen boulân te Seisbierrum; keapsom: f 16.177,00; notaris: Sybe Okkinga te Harns; Repertoire: 049143
-Sybren hat yn 1884 in skuld fan f 3.000,00 by Sipke Houtsma te Harns en yn 1889 stiet er by deselde yn ’t kryt foar f 2.000,00;
-Sybren hat op 29-11-1916 in obligaasje fan f 17.500,00 útstean by Jan Pieters Hania te Stienwyk; notaris: Foeke Aleva te Ænjum; Repertoire: 003083

Sjoch:
Familiepraat – Aaltje Jans Bruinsma
Kertiersteat Jelle en Jantsje Post nrs 8-9
Kolleksje Post-Westra VIII.1.57
Bern:
1 Jentje Sybrens Post, folget VI.1
2 Aaltje Sybrens Post * Easterbierrum 1886 † dêr 4-2-1887, 11 moanne
2 Aaltje Sybrens Post
* Easterbierrum 13-8-1888 † St.-Anne 8-12-1976, 87 jier, [] St.-Jabik; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; skoaljuffer te St.-Jabik (hûsnr 3); ferhuzet dêrwei op 31-5-1913 mei man en twa bern nei Vlaardingen, wenje yn 1916 wer te St.-Jabik;
x Barradiel 15-8-1912, 24 en 28 jier, Sjouke Machiels Vrij * Ænjum 5-8-1884 † St.-Jabik 3-1-1966, 81 jier, [] dêr; sûnt 8/22-6-1903 skoalmaster oan ’e Kristlik Nasjonale Skoalle te St.-Jabik, ferfart dêrwei op 1-4-1910 nei Vlaardingen, dêr ûnderwizer; dêrnei 36 jier skoallehaad te St.-Jabik, sûnt 1-6-1913; Vrij giet op 1-9-1949 mei pensjoen, mar bliuwt yn funksje oant omstrings maart 1950 as er opfolge wurdt troch Jarig Jarigs Wesseling; sn f. Machiel Boeles Vrij, yn 1876 skuonmakker te Moarre, sûnt omstrings 1878 idem te Ænjum, en Jietske Jelles Visser (ek: Jitske, Tjeitske).
Yn ’e famylje wurdt dit pear ‘Vrij en Aal’ neamd, ynstee fan ‘Sjouke en Aal’, wat oars wenst is yn sokke gefallen.
3 Jan Sybrens Post * Seisbierrum 17-12-1890 † dêr 20-1-1891, 1 moanne
4 Jan Sybrens Post (John) * Easterbierrum 22-2-1892 † San Jaoquin County, Kalifornië, 80 jier, [] Burwood Cemetery, Escalon, San Joaquin County; Jan ferfart 15-9-1920 nei Ellis Island, Noard Amearika, komt dêrwei werom by syn âlden te Seisbierrum yn 1924; ferfart dêrwei -8-1926 nei Grand Rapids, letter Los Angeles; komelker en eigner fan in suvelhannel, sûnt omstrings 1941 wurksum by South San Joaquin Irrigation District (SSJID) yn Manteca, Kalifornië, fersoarging yrrygaasjewetter foar de lânbou; wennet yn 1927 yn Bellflower, 1930 yn Cypress, 1930 yn Anaheim, 107 Lincoln Boulevard, Anaheim, Orange County, 1935 yn Artesia, 1937 Downey, 1940 Compton, 467 West Rosecrans Avenue, 1940 yn Artesia, 1940 Bellflower, 352 Oak Street, 1942 Ripon, Almond Avenue, San Joaquin County;
x Bellflower 20-12-1920, 35 en 28 jier, Christina Antonia Reinders (Christine) * Pretoria, Súd-Afrika, 5-1-1898 † San Jaoquin County, Kalifornië, 7-12-1987, 88 jier, [] yn it grêf by it omskot fan har man; ferfart yn 1923 út Kalifornië nei It Hearrenfean, nei har skoanheit; ferfart op 24-1-1925 nei Tyndall, South Dakota; ferfart -6-1926 dêrwei nei Bellflower, dêr húshâldster; dr fan Karel Pieters Reinders en Anna Elisabeth van Kuijk;
Christina x 1 Ypke Roelofs Oosten * Skoateruterdiken 27-1-1893 † Redlands, sikehûs, Kalifornië, -3-1922; ferfart -4-1914 nei Noard Amearika; sn fan Roelof Harmens Oosten en Sjoerdtje Ypkes Veldhuis, greidboeren te Skoateruterdiken, Dolsterhuzen, Reahel, Munnikebuorren, Aldskoat, Nijeskoat, Nijehaske, Aldehaske en Terbant
Sjoch: Familiepraat – Jan Sybrens Post
5 Nieske Sybrens Post * Easterbierrum 27-4-1894 † Tsjom 25-12-1985, 91 jier, [] Achlum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum; dêrnei boerinne te Achlum;
x Barradiel 10-5-1917, 23 en 30 jier, Willem Tjerks Postma * Tsjom 25-10-1886 † Achlum 15-11-1957, 73 jier, [] Achlum, by trouwen en dêrnei boer te Achlum; sn f. Tjerk Willems Postma en Janke Sybes Greydanus, yn 1886 komelkers te Tsjom, yn 1917 boeren te Achlum
6 Antje Sybrens Post * Easterbierrum 14-4-1896 † Arum 29-7-1979, 83 jier, [] Arum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum (220, 253);
x Barradiel 13-3-1924, 27 en 25 jier, Anne Pieters Anema * Winsum 31-7-1898 † Arum 11-11-1967, 69 jier, [] Arum; by trouwen boer te Frjentsjer, dêrnei te Arum; sn f. Pieter Annes Anema en Rigtje Epkes van der Berg, yn 1898 greidboeren te Winsum, sûnt 29-6-1898 is Piter arbeider te Winsum (nr 3b), sûnt 3-6-1899 idem te Wjelsryp (hûsnr 139), sûnt 30-5-1902 idem te Winsum (nr 3a), yn 1902 greidboeren te Winsum, yn 1929 idem te Frjentsjer, yn 1942 idem te Lollum, yn 1949, ’61 dêr sûnder berop
7 Jelle, folget VI.2

§ Sybren Post wurdt troch Brúnsma’s heind
Sybren bedarret as wees by oaren as lytsfeint ûnderdak. As opslûpen jonge fan sechstjin komt er by in boer oan ’e Hoarnestreek yn in wat oare posysje as arbeider; dy boer makket misbrûk fan him: hy fertsjinnet hast niks. Sybren sjocht dat er dêr wei komt. Hy slagget oan wurk op ’e pleats by Hilbrand Jans Bruinsma te Easterbierrum; dêr hat er in heel goed plak. Hy wurdt dêr yn kristlik erbarmen ûntfongen. En dêr komt Hilbrand syn suster Aal wol útfanhûs, in segen. Dat wurdt syn wiif.
Neffens de haadlike omslach yn 1920 hat Sybren in belestingsuver ynkommen fan f 5.400,00 yn ’t jier; om te fergelykjen: Harmen Westra, hanneler hat f 6.225,00, Feike Brúnsma, boer, f 9.110,00, Nammen Nammensma, boer, f 21.500,00 en Johannes van Vaals, keapman, f 1.025,00.
Sybren Post-en-dy gean mei de Doleânsje, lykas har sibben: de bern fan Jan Brúnsma fan Liauckama state en fan Jan Hilbrands Brúnsma.

Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Bruinsma

Post famyljeportret
Fan links nei rjochts, steand: Sjouke Vrij, Jentje Post, Antje van Wijngaarden, Willem Postma, Nieske Post, Jan Post, Anne Anema, Jelle Post Sittend: Aaltje Post, Aaltje Jans Bruinsma, Sybren Jentjes Post, Antje Post, Reintje Westra

V.3 Pieter Jentjes Post * Easterbierrum 11-1-1864 † Burgum 17-6-1889, 25 jier; NH; ferfart op 3-4-1877 út Easterbierrum nei Bennekom; by trouwen sûnder berop te Burgum; yn 1888 dêr boere-arbeider; by ferstjerren dêr wer sûnder berop; mooglik hat Piter lêst fan in kwakkelige sûnens;
x Tytsjerksteradiel 19-5-1887, 23 en 28 jier, Rinske Pieters van Veen * Stroobos, gemeente Gruttegast, 18-3-1859; Dolearend, letter G; wennet yn by har omke Hendrik Ybeles Bosma, rintenier te Burgum (nrs 53, 59-bûten), mooglik oant dy syn ferstjerren op 12-3-1884; by earste en twadde boask sûnder berop te Burgum; wurdt op 26-4-1894 út Burgum oerskreaun nei Seisbierrum; ferhuzet dêrwei mei har man op 1-7-1925/30-4-1926 nei Ljouwert (Lysterstrjitte 22-ûnder); wennet 30-9-1926 sûnder berop te Swolle; dr fan Pieter Sjoerds van Veen, by syn trouwen yn 1854 groatmakker te Harns, yn 1887 dêr groatmakkersfeint, yn 1894 dêr sûnder berop, en Jeltje Hendriks Bosma;
Rinske x 2 Tytsjerksteradiel 26-4-1894, 35 en 45 jier, Wybe Johannes Goodijk * Seisbierrum 20-2-1849 † Burgum 2-6-1926, 77 jier; G; winkelman en klerk te Seisbierrum (nrs 71a, 157, 160, 142); by twadde houlik dêr saakwaarnimmer (220, 251, 200); dêr letter administrateur; sn fan Johannes Jelles Goodijk, timmerman te Seisbierrum (66k, 28), en Jannigje Wybes de Boer
Wybe x 1 Trijntje Jonker * Noordscharwoude 2-10-1857; KG; komt op 3-7-1879 út Broek op Langedijk te Seisbierrum
Bern:
1 Jeltje Pieters Post
* Burgum 25-8-1885 † dêr 5-11-1890, 5 jier; Dolearend

GENERAASJE VI
VI.1 Jentje Sybrens Post * Easterbierrum 5-4-1884 † Axel 9-11-1947 (yn ’e tsjerkeriedskeamer flak foar it oanfangen fan ’e tsjinst), 63 jier, [] Seisbierrum; G, letter GF; grifformeard dûmeny, yn 1917, ’18, ’20 te Ychten, Lemsterlân; idem te Koog aan de Zaan; sûnt 4-1-1923 te Aldegea, Smellingerlân (hûsnr A61), sûnt 25-5-1925 idem te Axel (Wilhelminastraat), sûnt 1943 dêr by de Gereformeerde Kerk Vrijgemaakt (dêr’t er sels mei de foarstap foar nimt) oant 1947;
x Frjentsjer 9-8-1917, 33 en 27 jier, Antje Rientses van Wijngaarden * Tsjom 3-5-1890 † 20-1-1974, 83 jier, [] Seisbierrum; G, letter GF; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer; dr fan Rients Tjipkes van Wijngaarden en Aukje Joukes Hylarides, greidboeren te Tsjom
Sjoch: Familiepraat – Jelle Sybrens Post

Bern:
1 Aukje Jentjes Post * Ychten 6-7-1918;
x E. Oggel
2 Aaltje Jentjes Post
* Ychten 27-11-1920; by trouwen sûnder berop te Mullum, binnen de lêste seis moannen te Grins; eigner boekhâldburo te Emmeloard;
x Barradiel 2-6-1943, 22 en 25 jier, (har achterneef) Pieter Harmens Westra; by trouwen ierdappelkeapman te Seisbierrum; konsjerzje te Emmeloard

VI.2 Jelle Sybrens Post * Seisbierrum 2-4-1899 † Harns, Oranje Oord, wenjend te Seisbierrum, Adeelenstrjitte 30, 6-3-1981, 81 jier, [] dêr; by trouwen bouboer te Seisbierrum, op ’e Stjelp oan ’e Hoarnestreek 46 te Seisbierrum (287, 397); 1957-1967 bestjoerslid Friese Christelijke Boeren- en Tuindersbond (CBTB), lid haadbestjoer ôfdieling Ikkerbou Lânbouskip, lid kommisje pachtoerienkomsten Grûnkeamer, bestjoerslid Wetterskip Zeedijken-Buitendijks, foarsitter lânbouwurktugen koperaasje De Bjirmen; bestjoerslid Boerenleenbank, idem Krislik Nasjonale Skoalle Seisbierrum, tsjerkeriedslid grifformearde tsjerke dêr; skriuwer fan toniel, ûnder oaren Liauckama Door de Eeuwen en Friesland en Oranje; Jelle is ridder yn ’e Orde van fan Oranje-Nassau;
x Barradiel 22-3-1923, beide 23 jier, Reintje Pieters Westra * Seisbierrum 16-7-1899 † Feanwâlden (Talmahûs) 12-10-1993, 94 jier, [] Seisbierrum; by trouwen sûnder berop te Seisbierrum, dêrnei dêr bouboerinne; dr fan Pieter Harmens Westra, bouboer en ierdappelhanneler op it Kastieltsje ûnder Seisbierrum, en Maria Mathijs Bakker.
Sjoch:
Familiepraat – Jelle Sybrens Post
Erfgoed FundaasjeGenealogy Westra

post-jelle-sybrens
Jelle Sybrens Post.
Fotograaf: A. Gnodde, Harns. Kolleksje Post-Westra

post-jelle-sybrens
Jelle Sybrens Post, Reintsje Westra
en Jelle syn suster Aal Vrij-Post.
Fotograaf: Elsinga, Frjentsjer. Kolleksje Post-Westra

Bern:
1 Sybren Jelles Post, folget VII.1
2 Pieter Jelles Post
, folget VII.2
3 Maria Jelles Post * Seisbierrum 1-4-1927 † 2-7-2020, 93 jier
x Adrianus Frans Vreugdenhil, túnder te ’s Gravezande, letter te Naaldwyk; sn fan Frans Vreugdenhil en Sophia Koene
4 Aaltje Jelles Post (Aly) * Seisbierrum 20-4-1929 † Burgum 17-11-2018, 89 jier;
x Barradiel 12-11-1953 Tjipke Martens Wiersma * Kollumerlân 22-11-1928 † Dokkum 3-12-2000 [] Ie, boer te Westergeast; sn fan Marten Johannes Wiersma en Sytske Alberts Hoof
5 Arentje Jelles Post (Audrey) * Seisbierrum 21-4-1930; emigreart nei Noard Amearika, wennet te Lynden;
x Jacob Appel (Jack) * 18-9-1927 † Bellingham (Whatcom County) 22-9-1999 [] Lynden, Whatcom County, Washington, sn fan Gerard Appel en Lena Oosterwick
6 Anna Jelles Post (Anna) * Seisbierrum 10-7-1945; wennet te Velsen;
x Aart Slotboom
7 Jent Jelles Post (Jint) * Seisbierrum 16-1-1-1932; emigreart nei Noard Amearika, wennet te Allegan;
x Geertje van der Molen
8 Jan Jelles Post * Seisbierrum 11-11-1939 † dêr 20-2-1941, oardel jier, [] dêr
9 Libbenleas soantsje *-† Seisbierrum 15-4-1945.

GENERAASJE VII
VII.1 Sybren Jelles Post 24-11-2023, 99 jier; emigreart nei Noard Amearika, wennet yn De Motte
x Jaitske Elgersma (Jeanette) * 18-6-1924 † De Motte (Indiana) 29-11-1997 [] Holland Cemetery, Jasper County, Indiana, section 33B
Bern, gegevens wurdt oan wurke:
ûnder oaren:
www.emilyvankley.com

VII.2 Pieter Jelles Post; boer en bollekweker oan ’e Hoarnestreek ûnder Seisbierrum;
x Maria Harmens Westra (Marieke) * Seisbierrum 24-3-1923 † dêr 3-4-2007 [] dêr; dr f. Harmen Pieters Westra, ierappelhanneler, en Antje Hilbrands Bruinsma
Bern:
1 Jelle Post
2 Jantsje Post, fertaler, www.jantsjepost.nl
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy BruinsmaGenealogy Westra

Wurdt fuortset