KERTIERSTEAT FAN SYTSKE KINGMA-RIENKS
SYTSKE MELIA RIENKS
Dit wapen is in foarriedich ûntwerp fan Erfgoed Fundaasje, yn opdracht fan Minne Ruurds Braaksma (* Berltsum 1930) x Trijntje Jans Rienks (* St.-Jabik 1928 † Ljouwert 2010).
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat fan Ruurd, Jan en Gerland Braaksma.
De kleuren blau en grien yn it helmkleed stuolje op ’e haadkleuren yn ’e flagge fan ’e eardere gemeente It Bilt, de kontrei dêr’t mannich Rienks bouboer wie en is. It goud yn ’e – heraldysk – rjochter helte kin stean foar it bouwen fan nôt.
It helmteken – de bloeiende ierdappelplant – tsjut op ’e ierdappelbou, de trije klavers symboliseare de eigenerfde.
Omskriuwing:
Dield: I. de Fryske earn yn goud; II. yn blau trije griene klavers.
Helmteken: in bloeiende ierdappelplant. Helmkleed: blau, fuorre mei grien.
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
As yn dizze kertiersteat trochklikt wurde kin nei oare kertiersteaten en genealogiën, wurde de foarâlden hjir oer it generaal net útwurke: dat soe onnoadich dûbelop wêze. Erfgoed Fundaasje hat gjin ferantwurdlikheid oangeande boarnen, stambeammen, artikels ensfh. dy’t net ûnder har auspisiën falle. Dat betsjut trouwens net dat yn it wurk, útfierd ûnder it behear fan Erfgoed Fundaasje, gjin flaters sitte.
Wurk yn útfiering – wurdt fuortset. Undersyk: Erfgoed Fundaasje.
Foar oanfullingen en ferbetteringen sjoch formulier
Sjoch:
-G. Terpstra – De Rienksen, stambeam fan de femylje Rienks, De Terp, Ljouwert, 1950
-G. Terpstra – Famyljeboek fan de Rienksen, De Terp, Ljouwert, 1955
-Jan T. Anema, Pieter Nieuwland, Simon Wierstra – Rienks, Sipma, Blijstra en Koopmans, fjouwer stagen út itselde laach, Genealogysk Jierboek 2012, Fryske Akademy, Ljouwert, 2012 ISBN 978-90-6273-931-8
-Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat fan Anneke Bouma.
Yn dizze kertiersteat sit in honkfêst skaai fan Flieterpers: Jislum, Ginnum, Reitsum en Lichtaard, en fan klaaikluten fierderop: Boarnwert, Sybrandahûs, Foudgum, Holwert, Ferwert, Hallum, Marrum, Wânswert, St.-Anne en Ouwesyl; sjoch de Rienksen, Rypstra’s, De Vriezen en Koopmansen; de nûmers 2 en 3 en dy har foarâlden. Dêrneist fleanderige stedsjers te Sleat, Drylts, Snits, Bolswert, Dokkum; dizze Dykstra’s en Vissers, nûmers 6 en 12 en har sibben. En dan de Van Wierens en Cnossens, dat oar slach folk út ’e Súdwesthoeke en dy kontreien: Aldegea (W.), Heech, De Hommerts/Jutryp, Idzegea, Langwar, De Lemmer, Wâldsein, It Hearrenfean.
1 Sytske Melia Rienks * Dokkum 8-3-1935 † It Hearrenfean (sikehûs), wenjend op Molla, 2-6-2019 [] Terkaple; Grifformeard, sûnt har trouwen Rooms Katolyk; learares; hynstefokster op Molla. Fjildwei 5, te Eagmaryp; x Haskerlân 21-9-1968
Gerardus Hendrikus Kingma * Drylts 24-5-1932 † De Jouwer (fersoargingshûs De Flecke) 5-2-2018 [] Terkaple; RK; boer op Molla; hynstefokker; sûnt 1972 makelder dêr, sn f. Gerardus Hendrikus Kingma, boer, en Pietje Boersma
Sytske is neamd nei har beppe Sytske Rypstra en har muoike Emilie Rienks, (* Ljouwert 7-3-1900, x Pieter van Reenen), de jongste suster fan har heit. Dy wie ferneamd nei Friedrieke Emilie barones thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg-Schöle, dêr’t beppe Sytske keamerfamke wie. (Emilie * Berum, East Fryslân 1833 † Assen 1923, x Menameradiel 1871, Georg Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg * Bitgum 1813 † Velp 1891). Emilie en Sytske wienen wakker grut mei-inoar. Doe’t de Schwartzenbergs yn 1879 har slot Groot Terhorne te Bitgum ôfbrekke lieten en nei Velp ferfearen, woe Emilie Sytske mei ha, mar dat gong net troch. Sytske soe der al ris in kear hinne op in útfanhuzerij. Emilie frege har om dan in skieppetsyske mei te nimmen. By it oerstappen fan ’e iene trein op ’e oare fergeat Sytske it lyts rûn pakje. Te Velp teloarstelling yn it mâle om in Frysk tsyske.
Foto: Obbema, Snits
Sytske en Gerard binne hynstefokkers. Se binne o sa wiis mei har merje Mefrou út de stâl fan Pyt Hettinga te Burchwert
Foto: Persbureau Melissen, Pesse
Foto’s: Kolleksje Kingma-Rienks
De stjelp Molla ûnder Eagmaryp dy’t yn 1968 yn ’e brân fljocht. Sytske en Gerard binne op houliksreis nei Istanbul en ûnderwilens baarnt de pleats ôf. Dat Sytske hat mar in twa moanne boerinne west. Want Gerard giet op ’t lêst yn ’e makelderij. Se sette op it stee Molla in nije bungalow del, neffens eigen ûntwerp. Gerard hâldt op mei buorkjen en wurdt makelder
2 Hedzer Harmens Rienks * Reitsum 7-3-1891 † Dokkum [] Ealsum, Grif., haadwurktúchkundige by Maatskippij Van Ommen Rotterdam, wenjend te Eastrum; klimt op ’e wyldefeart fan stoker op ta 1e masjinist, sûnt 1950 dir. fan in oaljehannel (earst mei Van der Wind) te Dokkum, x Eastdongeradiel 30-5-1922
3 Baukje Harmens Dijkstra * Reitsum 16-10-1893 † Dokkum 4-8-1965 [] Ealsum, Grif., omstrings 1914-1920 ûnderwizeres te Berltsum
4 Harmen Thyssen Rienks * Feinsum 27-9-1859 † Ljouwert (Bothastrjitte 2) 26-5-1929 [] Lekkum, Doopsgesind, letter Nederlâns Herfoarmd, boer te Lichtaard, molktaper te Huzum, 1922 molkhanneler te Ljouwert, x Ljouwerteradiel 27-4-1882
5 Sytske Piers Rijpstra * Ingelum 31-8-1860 † Ljouwert [] Lekkum, Otterdoks NH, foar har trouwen keamerfamke op Groot Terhorne te Bitgum (sjoch by 1)
Skoalle mei de Bibel en skoalhûs te Berltsum, dêr’t Baukje Dykstra ûnderwiist
6 Harmen Sjoerds Dijkstra * Sleat 10-1-1861 † Dokkum 11-3-1946 [] Ealsum, otterdoks NH, giet mei mei de Doleânsje, Grif., folget in oplieding foar bysûndere bejeftige jonges op in kalvinistise skoalle, skoallehaad te Almkerk, idem te Pietersbierrum, yn1884 te Reitsum, adjunkt dir. earste kristlike kweekskoalle te Dokkum, dêr allyksa learaar wiskunde; mei-foaroanman Doleânsje te Reitsum
7 Tetje Tjeerds van Wieren * Drylts 29-10-1863 † Dokkum 17-10-1941 [] Ealsum, otterdoks NH, letter Grif.
Harmen Sjoerds Dykstra (steand rjochts) as skoalhaad te Reitsum.
Foto: J. Dwinger, Ljouwert
Earste fan links, steand: Harmen Dykstra, adjunkt dir. en learaar wiskunde oan ’e earste kristlike kweekskoalle te Dokkum; man mei de krante is dir. Strikwerda, letter mei pensjoen te Zeist (x Jetske Bruinsma, fan Seisbierrum).
Foto: B.J. Pottjewijd, Winschoten
8 Thijs Rienks Rienks * 8-10-1815 † 20-11-1864 [] Feinsum, Doopsgesind, boer op Nijenhuis, letter boer-ôf
9 Meiltje Harms de Vries * Wânswert 8-3-1820 † Feinsum 24-5-1878 [] Feinsum
10 Pier Hedzers Rijpstra * Mitselwier 30-3-1831 † Ingelum 29-5-1878, otterdoks NH, boer te Ingelum, x Eastdongeradiel 5-6-1856
11 Dirkje Dirks Koopmans * Hallum 25-9-1834 † Ingelum 6-7-1889, NH
Pier is herfoarmd – en dat tige otterdoks. Fan him wurdt ferteld dat er sneontejûns troch syn arbeiders it flaaks út de sleat helje liet, sadat it rottingsproses sneins stil stie. Moandeitemoarns ier en betiid moast it der wer yn.
12 Sjoerd Harmens Dijkstra * It Hearrenfean 21-11-1833 † Snits 7-6-1917, otterdoks NH, giet mei mei de Doleânsje, sûnt Grif., 1862, ’64 grofsmid te Sleat, 1866 smid te Aldegea (W.), 1868 grofsmid te Balk, by trouwen ‘agent der zending’ te Drylts, yn 1903 godtsjinstûnderwizer te Snits, grifformeard oefener (preker), x 2 Wymbritseradiel 19-9-1903 (69 en 62 jier)Trijntje van Terwisga * Idzegea, widdo fan Klaas Bakker, dr f. Wybe Marcus van Terwisga en Antje Innes van der Wal; Sjoerd x 1 Sleat 12-12-1858
13 Grietje Sybes Visser * Sleat 21-6-1829 † Snits 17-5-1902
14 Tjeerd Tymens van Wieren * Drylts 31-3-1819 † Bolswert 25-8-1908, bakker te Drylts, x 1 Tetje Klazes Ringnalda, x 2 Wymbritseradiel 22-1-1863
15 Anna Martha Schuur * Aldegea (W.) 21-3-1830 † Bolswert 28-7-1908, x 1 Wymbritseradiel 3-1-1852 Pieter Symens Hiemstra * Idzegea, boer te Idzegea, sn f. Symen Sytzes Hiemstra, boer te Idzegea, en Baukje Sytzes van der Velde
16 Rienk Tysses Rienks * ûnder Marrum 12-5-1777 † 29-12-1831, eigenerfd boer yn ’e Hallumerhoek (44 bunder) en op syn eigen pleats Nijenhús (46 bunder), idem Balksein (37 bunder), idem Sate nr 4 op ’e Bildtpollen (34 bunder); by syn † wurdt syn besit oan lân (mei-inoar 160 bunder) huzen en skuorren takseard op f 95.520,-; x 1 18-11-1798 Klaaske Gerbens de Jong * † 8-2-1812; Rienk x 2 12-12-1812
17 Sytske Johannes Rienks * Marrum 27-7-1795 † Hallum 16-8-1846, x 2 Ferwerteradiel 15-10-1836 Dirk Hendriks Miedema * omstr. 1792 † 1875, boer, keapman (1822) en sûkereidroeger te Marrum, sn f. Hendrik Jelles Miedema, boer te Marrum, en Janke Dirks Koopmans (út in oar laach); Dirk x 1 Trijntje Sydses Koopal * Bitgum 12-10-1794 ~ dêr 16-11-1794 † Marrum 3-7-1833, dr f. Syds Sjoerds Koopal, boer te Bitgum, en Sieuwke Dirks Pierson; Hendrik x 3e Ferwerteradiel 19-10-1854 Saakje Durks Osinga * Dokkum 1806 † Marrum 1883, dr f. Durk Fokkes Osinga en Akke Sakes Hoekstra
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal/Koopmans
Sjoch foar de Rienksen: Famylje Rienks
18 Harmen Sakes de Vries * Marrum 4-1-1789 † Wânswert 2-11-1826, hûsnr 6, yn 1816 arbeider te Ferwert, 1824, ’26 gernier te Wânswert, x Ferwerteradiel 12-5-1816
19 Doetje Dirks Tolsma * Wânswert 5-1-1791 † 5-7-1867, yn 1826 gernierske te Wânswert, 1840 wurkfrou dêre, yn 1841 dêr sûnder berop
20 Hedzer Pieters Rijpstra * Ginnum 11-3-1804 ~ dêr 1-4-1804 † Mitselwier 1-12-1840, boer te Mitselwier, x Eastdongeradiel 22-5-1828
21 Hæbeltje Piers de Groot * Rinsumageast 10-10-1804 ~ dêr 4-11-1804
22 Dirk Dirks Koopmans * Marrum 2-8-1805 ~ dêr 11-8-1805 † Hallum 26-2-1834, boer ûnder Hallum, x Ferwerteradiel 12-5-1827
23 Sytske Johannes de Boer * Jislum 28-3-1807 ~ Wânswert 3-5-1807 † Hallum 27-4-1879, x 2 Ferwerterdiel 17-5-1838 Sjoerd Jans van Loon * Frjentsjer 22-8-1812, sn f. Jan Sjoerds van Loon en Jannigje Eises Proost
24 Harmen Jans Dijkstra * It Hearrenfean 10-11-1805 ~ dêr 8-12-1805 † It Mar/It Hearrenfean 19-5-1884, 1833 keapman op It Hearrenfean, yn 1847 dêr winkelman, x Skoaterlân 19-4-1829
25 Katarina Halbes de Vrieze (ek: Catharina) * It Hearrenfean 29-4-1809 ~ dêr 21-5-1809 † Nijehaske 28-6-1867
26 Sybe Harmens Visser * Langwar 27-111-1783 † Balk 15-5-1869, x Sleat 22-5-1808
27 Aaltje Martens Visser * Sleat 27-1-1783 † dêr 15-7-1856
28 Tymen Lolkes van Wieren * Heech 7-11-1798 ~ dêr 16-12-1798 † Drylts 10-10-1878, winkelman te Drylts, x Wymbritseradiel 6-6-1818
29 Ybeltje Tjeerds Cnossen * De Hommerts 28-1-1789 ~ dêr 8-2-1789 † Drylts 4-8-1854
Sjoch: Genealogy Cnossen Knossen
30 Conraat Furken Schuur * Critzum (by Emden, Kreis Hannover) 6-3-1794 † Warkum 12-2-1862 [] Aldegea (W.), 1827-1860 frijsinnich Ned. Herfoarmd dûmeny te Aldegea, Idzegea, Sânfurd, sûnt 1860 rêstend te Warkum, x Bunde 11-5-1829
31 Hilke Jans Smit (ek: Hiltje; en Smidt) * Bunde 13-1-1804 † Aldegea (W.) 14-1-1858 [] Aldegea (W.)
Conraat Furken Schuur draacht de achternamme fan syn mem en fan syn heit. Dat is net oerdroegen oan syn trije dochters, dy hite inkeld Schuur.
Conraat is earst de frijsinnige kant oer, syn frou Hiltsje is dêrfoaroer tige otterdoks.
Fan him wurdt skreaun (staat út: Tussen Brek en Skuttel) :
‘Wiens rechtzinnigheid wij niet al te hoog moeten aanslaan /…/ Hij was een goede man, maar als predikant was hij van melk en water.’ Over zijn vrouw wordt anders geschreven: ‘Lieve, beminnelijke en zeer gelovige vrouw, die haar kinderen een godsdienstige opvoeding gaf. Zij had veel verdriet van het buitensporige leven van de Oudegaaster jeugd.’ In de tijd van ds. Schuur was het zo, dat velen die het ernst was met het geloof, naar Heeg gingen, naar ds. Knap, een zeer rechtzinnig predikant.
[Jan Jacob Knap * 1806 † 1865, stiet fan 1845 oant 1853 te Heech, it is in beminnelike man en bernefreon en tagelyk in baas tongerpreker; hy kriget 117 beroppen.]
En de herberg van Oudega was een goed renderende zaak en een druk bezochte gelegenheid voor de losbandigen. Er was dus wel grote verdeeldheid. De jeugd van Oudega zette in omliggende dorpen vaak de boel op stelten. De politie kon weinig tegen de gladde jongens uitrichten.
Trije fan sokke smychten bekeare har en gean tenei by dûmeny Knap ter kerke.
Hier zien wij dus alweer dat voor diegenen, die het ernst was, ds. Schuur niet de juiste man was.
Ds. Schuur kreeg in het laatst van zijn dienstjaren er hulp bij en wel de hulppredikant Dirk Johan Gerard Skeper, een jongeman afkomstig uit Woudsend. Op de eerste kerstdag van 1859 ging hij op de schaats naar Gaastmeer om te preken. Op de terugweg schaatste hij bij de molen van V.d. Meer in een wak en verdronk. Voor ds. Schuur was dat een zeer moeilijke gebeurtenis. Hij kon het haast niet verwerken.
[Scheper is wierskynlik ferdronken yn ’e Tsjerksleat ûnder Aldegea yn ’e Brattepolder by de mole Hoop op Zegen, stichte yn 1881 troch Hantsje Tseards van der Meer * 1837 † 1875, boer dêr]
Neidat syn help ferdronken is, wurdt Conraat ynienen allyksa rjochtsinnich yn lear en libben.
Syn foarâlden en sibben hawwe betiden foaroansteande posysjes yn steat en maatskippij, wurdt neffens oerlevering grute. Ien soe konsul by de Sweedse koaning west hawwe, in oar focht by Waterloo en kaam út ’e striid mei de oertsjûging dat men de Bibel mar better boppe de wapens stelle kin.
Meidielingen fan Sytske Kingma-Rienks.
Sjoch ek: Johannes Walinga – Tussen Brek en Skuttel – Historie van de dorpen Oudega, Idzega en Sandfirden, Uitgeverij Interboek, Ljouwert, 1989, side 56, 57.
32 Tys Rienks Rienks * 1752 † 10-9-1829, boer ûnder Marrum, op Feitsma state ûnder Hallum, op Zeldenrust te Aldebiltsyl; x 2 20-5-1787 Trijntje Klazes van Egten * -6-1759, widdo fan Marten van Egten, boer op ‘It Aldershûs’ op Alde Leie, x 3 1810 Ytje Bienses, Ytsje x 1 Pieter Watzes Hoogland; Tys x1
33 Saapke Siedses Boersma (suster fan Auky, nr 35) * 1754 † 1781
34 Johannes Rienks Rienks * Holwert 25-1-1740 † 25-5-1821, boer oan’e Hearewei ûnder Marrum, op Banga state op Jousumbuorren ûnder Hallum, assessor fan Ferwerteradiel, x 21-8-1768
35 Aukje Siedses Boersma (suster fan Saapke, nr 33) * 1749/’50 † 25-6-1826
Yn 1774 wurde Jehannes en Aukje ~ op belidenis dêr en lid fan ’e minniste gemeente Blije-Holwert
36 Sake Harmens de Vries ~ Ferwert 1-11-1750 † Marrum 10-4-1808
37 Sytske Klazes Uitterdijk * Hallum omstrings 1760 † Marrum 2-8-1830, 59 jier, yn 1811/12 arbeidster te Marrum, wennet yn 1821 te Hallum, yn 1830 arbeidster te te Marrum
38 Dirk Baukes Tolsma (ek: Talsma) * Wânswert 13-9-1760 † dêr 8-6-1813, x Wânswert 9-1-1780
39 Meiltje Jans * Wânswert 7-8-1757 ~ dêr 4-9-1757 † dêr 24-4-1809
40 Pieter Gerrits Rijpstra * Ginnum 5-9-1773 ~ dêr 26-9-1773 † Mitselwier 16-9-1821, boer te Mitselwier, x Ginnum 8-9-1799
41 Tætske Hedzers van der Kooi * Oentsjerk/Gytsjerk/Wyns 14-12-1777 ~ dêr 25-12-1777 † Ie 16-9-1839, boerinne te Mitselwier
42 Pier Johannes de Groot ~ Boarnwert 27-3-1763 † dêr 13-12-1836, yn 1793, ’96 boer ûnder Raard, yn 1813, ’16, ’19, ’20 boer ûnder Rinsumageast, yn 1815 boer te Sybrandahûs, yn 1829, ’36 boer te Boarnwert, 1817 taksateur fan lân, x Raard 15-5-1795
43 Hæbeltje Pieters ~ Raard 25-3-1764 † Boarnwert 6-9-1831
44 Dirk Dirks Koopmans * Westernijtsjerk 27-5-1760 ~ dêr 15-6-1760 † Marrum 8-1-1826, boer te Marrum, x Marrum 14-12-1788
45 Maaike Dirks Ewal * Marrum 25-1-1767 ~ dêr 1-3-1767 † dêr 14-10-1855
46 Johannes Sydses de Boer ~ St.-Anne 4-6-1758 † Hallum 6-6-1844, x Jislum 13-5-1799
47 Maaike Jacobs Pool * Hilaard/Lúns 5-9-1770 ~ dêr 16-9-1770 † Hallum 8-6-1844, 73jier
48 Jan Sjoerds Dijkstra ~ Langsweagen 31-11-1755 † It Hearrenfean 12-9-1826, x 1 De Gordyk 16-2-1783 Imke Mennes, x 2 It Hearrenfean 23-3-1800
49 Richtje Anskes de Bruin ~ De Knipe/It Mar 9-12-1770 † It Hearrenfean 21-11-1836
50 Halbe Atzes de Vries * It Hearrenfean 4-10-1782 † dêr 25-2-1849, x It Hearrenfean 26-5-1805
51 Jeltje van den Berg(h) * It Hearrefean 30-10-1787 † dêr 19-3-1856
52 Harmen Sybes Visser * Follegea omtrings 1752 † Sleat 12-6-1828, hûsnr 6876 jier, keapman te Sleat, besit hûs en tún te Sleat (keapsom: f 1751,00), x 2 Sleat 10-10-1792 Cornelia Johannes * Aldemardum omstrings 1769 † Sleat 28-2-1847, 82 jier, wennet by trouwen te Warkum, yn 1818 winkelfrou te Sleat; Harmen x 1 De Lemmer (mei attestaasje fan Langwar) 9-2-1783
53 Neeltje Foekes ~ Langwar 17-5-1750 † Schiedam; Neeltsje x 1 Langwar 31-1-1773 Gabe Durks * Langwar
54 Marten Jacobs Visser * De Lemmer 23-12-1751 † Sleat 7-3-1827, x
55 Johanniske Meines * omstrings 1755 † Sleat 4-1-1787
56 Lolke Jacobs van Wieren * Easthim 3-11-1760 ~ dêr 16-11-1760 † Folsgeare 10-2-1827, x Easthim 9-11-1788
57 Maayke Ulbes * Easthim 19-4-1765 ~ dêr 5-5-1765 † Folsgeare 18-7-1820
58 Tjeerd Wiebes Knossens * De Hommerts -7-1759 ~ dêr 15-7-1759 † dêr 11-5-1802, x De Hommerts 17-8-1788
59 Grietje Eeltjes Visser * Easthim 26-12-1764 ~ dêr 30-12-1764 † Wâldsein 1-10-1816
60 Isaak Jansen Schuir * Oldendorp 26-2-1758 † Critzum 24-5-1841, Oldendorp 14-4-1784
61 Ettha Maria Furken (ek: Fuhrken) * Hollen 15-5-1754 † Critzum 11-6-1838
62 Jan Sientjes Smit * Bunde 20-2-1774 † dêr 28-10-1834, x dêr 10-11-1802
63 Anna de Boer * Bunde 15-4-1764
64 Rienk Johannes
65 Klaaske Klazes
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Anneke Bouma
66 Sieds Pieters Boersma ?* 1707 † 1785
67 Antje Dirks
68=64
69=65
70=66
71=67
72 Harmen Sakes ~ Ferwert 25-4-1723, x 1745
73 Aaltje Jelkes
74 Klaas Aukes Uitterdijk * Ljouwert omstrings 1739 † Sybrandahûs 20-8-1823, 86 jier, x Marrum 1766
75 Aaltje Jans, yn stjerakte fan har dochter Sytske wurdt hja Antje Pieters neamd
76 Bauke Dirks * Bartlehiem omstrings 1735 † Wânswert 2-6-1762, 27 jier, x 1756
77 Froukje Harmens * 1739 ~ Wânswert 29-3-1739 † dêr 10-7-1794, 55 jier, x 2 Wânswert 1-1-1769 Andries Sybes (Boersma), sn f. Sybe Hærkes en Minke Dirks
78 Dirk Pyters, x Hallum 18-1-1733
79 Gerbrig Baukes
80 Gerrit Cornelis Rijpstra * omstrings 1751 † Ginnum 13-6-1817, 66 jier, x Ginnum 13-12-1772, x 2 Ginnum 8-12-1805 Tytje Tjisses Kamstra * Lichtaard 9-8-1783 † 7-5-1852; Gerrit x 1 Ginnum 13-12-1772
81 Baukjen Anders
82 Hedzer Keimpes * -3-1731~ Oentsjerk/Gytsjerk/Wyns 20-5-1784, x 1 Gytsjerk 8-7-1770 Anskje Sipkes; x 2 Gytsjerk 12-3-1775
83 Maike Pybes * omstrings 1743 † Lichtaard 26-5-1815, 72 jier, x 1 Gytsjerk 15-11-1767 Pybe Aarns † 1773
84 Johannes Pieters, te Boarnwert
85 Froukje Piers
86 Pieter Tjeerds * omstrings 1740 † Foudgum/Raard 20-12-1782, 42 jier, x Foudgum/Raard 8-5-1763
87 Dieuwke Piebes † Sybrandahûs 1787
88 Dirk Hendriks * omstrings 1720 † Westernijtsjerk 8-1-1779, 59 jier, boer te Westernijtsjerk, x Westernijtsjerk 21-2-1746
89 Seeske Martens ~ Blije/Hegebeintum 30-6-1726 † Marrum 3-3-1801
90 Dirk Pieters Ewal * omstrings 1742 ~ Marrum/Westernijtsjerk 17-5-1786 † Marrum 15-11-1826, x 1 Marrum 27-4-1766 Luutske Æbeles ~ Wânswert 16-2-1744, dr fan Æble Jelles en Trijntje Fransen; x 2 Marrum 1-1-1805
91 Aafke Okkes de Jong (út it laach Blaumuts de Jong) * St.-Anne 27-4-1756 † Marrum 28-10-1825
92 Syds Johannes, x omstrings 1755
93 Sytske Jans
94 Jacobus Bartels ~ Ljouwert 2-9-1736, x omstrings 1765
95 Leentje Jans * omstrings 1740 † 1805, 65 jier
96 Sjoerd Jans, Langsweagen -6-1754
97 Martzen Gerrits
98 Anske Harmens
99 Trijntje Aises * omstrings 1745 † Nijehaske 1-7-1815, 70 jier
100 Atse Sytses, x It Hearrenfean 3-2-1771
101 Trijntje Halbes (ek: Catharina) ~ Pipergea/Blesdike 26-12-1744 † It Hearrenfean 16-4-1824
102 Giel Kornelis van den Berg(h) * It Hearrenfean 22-9-1761 † dêr 26-6-1832
103 Froukjen Andries Braaksma * It Hearrenfean 29-7-1766 † dêr 22-9-1814
104 Sytse Attes, x Ychten 16-2-1749
105 Marijke Harmens
106 Foeke Klazes, x Langwar 1748
107 Grytje Jacobs
108 Japik Martens, x De Lemmer 30-10-1745
109 Aaltje Jans
112 Jacob Sjoerds, x Easthim/Abbegea/Folsgeare 27-1-1754
113 Gatske Lolkes
114 Ulbe Uiltjes, x Easthim 27-6-1751
115 Trijntje Tymens
116 Wybe Siercks Knossen * De Hommerts 15-1-1730 ~ De Hommerts 15-1-1730 † dêr 1794, sawat 63 jier, yn 1758 húsman op stim 10 yn ’e Hommerts, sûnt 1768 dêr op stim 28, de famyljepleats; âlderling dêr, x 2 Hiltje Ekkes De Hommerts 26-12-1752
117 Ybeltje Heins van Zylstra (ek: Ybbel Zijlstra) * Top en Twel 9-4-1730 † De Hommerts 9-3-1786, 55 jier
118 Eeltje Aukes (ek: Yltje), x Easthim 18-9-1757
119 Sjurtje Piers
212 Claas Cornelis, x Langwar 23-12-1717
213 Neeltje Foekes, yn 1749 ‘houschuytevaerderse’ te Langwar, x 2 Pyter Minnes
120 Jan Jansen * omstrings 1710 † Oldendorp 1-7-1776, 66 jier
121 Tobe Isaaks * omstrings 1715 † Oldendorp 6-9-1784, 69 jier
124 Syntje Wilken Smit, x Bunde 1-4-1754
125 Bouke Jans
126 Conraet de Boer * omstrings 1737 † Bunde 2-10-1813, 76 jier, x Bunde 23-2-1763
127 Hilke van Lessen * omstrings 1731 † Bunde 13-5-1797, 66 jier
128 Johannes Rienks,
129 Sytske Simens
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Anneke Bouma
132 Pieter Pieters ~ Marrum 14-5-1671 † Ferwert -2-1731, mei syn earste frou lidmaat op belidenis te Ferwert 24-10-1695, Mr. weinmakker te Ferwer (1695 en 1731). Yn 1708 brûker floreen 109 te Ferwert, x 1 wierskynlik Ferwert.1693/1694 Jelske Pieters † Ferwert foar 1702; Piter x 2 wierskynlik te Ferwert foar 10-8-1702
133 Aukje Sipkes * wrsk Marrum omstrings 1676 (net neamd yn doopboek) † Ferwert foar 1731, lidmaat te Ferwert op belidenis 10-8-1702
144 Sake Cornelis
145 Antje Lucas
152 Dirk Pyters, x Hallum 18-1-1733
153 Gerbrig Baukes
154 Harmen Æbles
155 Doetje Jans
164 Keimpe Feitzes, x Ryptsjerk 22-5-1721
165 Tætske Jans
166 Pybe Joukes, x Boarnwert 11-5-1741
167 Maike Andries
178 Marten Jans, x omstrings 1720
179 Ytske Syberens
182 Okke Dirks * omstrings 1730 † St.-Anne 15-4-1809, x St.-Anne 1755
183 Trijntje Jans † Froubuurt 2-1-1818
188 Bartel Sybes, x Ljouwert 16-5-1728
189 Maryke Jacobus de Pool
202 Halbe Foppes
203 Annigjen Lenzen
204 Trissyn van den Berg, x It Hearrenfean 20-7-1749
205 Jeltje Giels
206 Andries Hilles, x It Hearrenfean 11-4-1762
207 Eeukjen Jelles de Jongh
232 Sierck Johans Cnossen * De Hommerts ~ De Jutryp 28-7-1689 † 1771, 81 jier, húsman en ûntfanger, diaken en âlderling yn ’e Hommerts/De Jutryp, x De Hommerts 24-1-1712
233 Jel Wybes ~ De Hommerts 15-8-1686
234 Heyn Tjeerds Zijlstra, * Grienedykstersyl ûnder Snits 1655 † Twellegea 1729, 73/74 jier, x Top en Twel 28-3-1712
235 Antie Wybes * De Hommerts -8-1692 ~ dêr 21-8-1692 † Twellegea 6-5-1762, 69 jier
242 Nonco Christian Furken
243 Reenst Scipio
364 Dirk Pytters ~ 9-9-1714, , x St.-Anne 30-5-1726
365 Jentie Okkes * omstr. 1690 † 4-8-1761, 71 jier, x 1 Froubuurt 31-1-1717 Jacob Ariens
366 Jan Boyens ~ St.-Anne 3-6-1703 † Froubuurt -9-1772, boer op De Pôle an ’e Ouwedyk onder Froubuurt (23 morgen en 210 roede op ’t Oud Bildt, in ’e buurt wat nou OBD 63 is), se hure ok nag de helft fan kavel 2 (31 môrn), x St.-Anne 7-4-1726
367 Aafje Philippus * St.-Anne 23-11-1704 † 1745/’50
Sjoch: Kertiersteat fan Klaas Sjoerds de Boer
376 Sybe Bartels, x Ljouwert 21-10-1694
377 Rixtie Haeyes
378 Jacobus Pool, x Ljouwert 29-6-1704
379 Janke Jacobs Clouburgh, se keapje yn 1740 in hûs yn ’e Sakramintsstrjitte te Ljouwert (Lyts Konsintboek Folio 128)
464 Johan Syrcks Cnossen (ek: Siercx, en oare farianten), x De Hommerts/De Jutryp 19-2-1688 ~ op belidenis Smelbrêge 8-8-1680 † 30-8-1690, De Hommerts 7-10-1688, yn 1684 diaken yn ’e Hommerts, x 1 Snits 2-3-1678 Lolck Rienks * Smelbrêge ~ dêr op belidenis 8-8-1680 † dêr 1682; Jehan x 2
465 Trijntje Jans (ek: Johannes) * Snits ~ De Hommerts op belidenis 14-12-1688 † De Jutryp 24-12-1714
466 Wybe Ages, skipper yn ’e Hommerts, x De Hommerts 4-2-1683
467 Jets Lolckes
468 Tjeerd Heyns * 1604 † foar 1675, op syn âldst 71 jier, boer, x 1650
469 Brecht Fransen † 1675
732 Boyen Tjerks ~ St.-Anne 29-9-1678 † dêr 21-9-1721, doet met Lielt belidenis 14-2-1704, se weune in 1707 en 1721 an ’e smalle kant fan ’e Warmoesstraat in St.-Anne, x St.-Anne 4-8-1701
733 Lielt Piers (ok: Lijntie, Lientje) ~ St.-Anne 20-10-1689 † dêr 1739
734 Philippus Hendriks (ok: Philips) † St.-Anne 1708/’19, Philips en Tets ~ op belidenis herformd 14-2-1704, x doopsgesind, na ’n ‘verspierring’ (fersperring) dêr 13-7-1684, se weune in 1707 ‘ten noorden uit’ in St.-Anne
735 Tjets Wytses † St.-Anne nei 1719
928 Sierck Johans Cnossen † foar 1668, boer op Grut Knossens yn ’e Hommerts, dêr tsjerkfâd en doarpsrjochter; ferkeapet syn 2/15 part yn Grut Knossens, mei syn sweager Ytte
929 Antie Hanses † nei 1668
932 Aegge Jans, turfpontskipper
933 Jel Wybes
930 Lolcke Engeles * omstrings 1621 † foar 1674, op syn âldst 54 jier, boer te Easthim op stim nr 15 (88 pûnsmiet), doarpsrjochter en ûntfanger
931 Hid Seerps * omstrings 1620 † foar 1694, op syn âldst 74 jier (neffens Kwartierstaat van Teake Oppewal, gearstald troch Henk Dijkstra en Martha Kist); stjerjier fan Hid neffens oare boarnen: foar 1675
932 Hein Tiaerdts, timmerman en boer, x 1622
933 Jets Hettes
934 Frans Gerbens
935 Brecht Fockedr.
1464 Tjerk Jans † nei 1694, x mooglik 2 St.-Anne 14-7-1700 Trijntje Pieres, fan St.-Anne; x 1 foar 1670
1465 N.N.
1466 Pieter Clases, x 1 1652 N.N., x mooglik 2 Froubuurt 18-3-1666, beide fan Aldsyl
1467 Lyntje Annis
1470 Wytse Wytses, ondertrou St. Anne 25-1-1680
1471 Macheltie Jans, fan Nijesyl, mooglis dit de mim fan Tjets
1856 Johan Wpckes Knossens (yn 1598 neamd: Joah Wpckes) * omstrings 1576 (wierskynlik wat jierren earder) † 1636, likernôch 60 jier, [] De Hommerts, boer yn ’e Hommerts, dêr tsjerkfâd, yn 1611, ’36 doarpsrjochter, ûntfanger en bijsitter, dyksdeputearde en folmacht fan Wymbritseradiel, x 1598, sawat 22 jier
1857 Jeltje Baesdr. Algera † nei 1648
1858 Hans Idses
1859 Iesel Haytsedr.
1860 Engele Sioerdts, boer yn ’e Hommerts, yn 1640 eigner en brûker fan stim 33 dêr
1861 Syds Ennes Metsma * 1644, fan Aldeboarn
1862 Seerp Siercks † 1644, 1640 boer yn ’e Hommerts op stim 33, ferkeapet in stik lân yn 1644, âlderling, tsjerkfâd, syn namme stiet as sadanich yn it râneskrift op ’e klok yn ’e toer yn ’e Hommerts, x Wâldsein 27-3-1614
1863 Ymck Idses (ek: Eemck Idzedr.)
1864 Tiaerd Doytties, boer en timmerman, x 1594
1865 An Alles
1870 Focke Alles † 1635
1871 Antje Claesdr.
3712 Wpcke Aenes † nei 1583, x foar 1560, oant 1563 tsjerkfâd yn Tsjalhuzum, kriget yn 1566 sate Grutte Bergh te Kubaard, mar buorket dêr nei alle gedachten net, hy sil syn heit opfolge hawwe, x foar 1560
3713 Mints Thomas † foar 1608
3714 Bae Pieterzn Algera
3715 Jel Claesdr.
3720 Sioerdt Aennes * omstrings 1561 † De Hommerts 1635, om ende by 74 jier, yn 1635 boer yn ’e Hommerts op in pleats fan 60 skar
3722 Enne Wytses Metsma † 14-11-1610, boer, lâneigner, neffens de mosterrrol út 1586 wennet er te Aldegea (W.) en is er soldaat op ’e Aldeboarnster Skâns, wennet yn 1586 te Ljouwert
3723 Uilck Doededr. * omstrings 1563 † foar 1628, x 2 Popcke Reiners * omstrings 1563
3724 Sierck Sytses * omstrings 1554 † omstrings 22-8-1615, sawat 61 jier, boer
3725 Hid Leeuwkes * omstrings 1556
3742 Claes Outgers, wennet yn 1578 te Raard (Raarderhim)
7424 Aene Hoytes * Koarnwert † foar 1546, x omstrings 1535
7425 Anna Wpckedr. to Knossens [] Martinytsjerke Bolswert (wapen mei dûbelde earn), x 2 Mr Myrck Agges
7426 Thomas Jelles
7427 Gats Etedr.
7444 Wittie Sipckes * omstrings 1503 † 1561, sawat 58 jier, boer
7445 Eets Renckes * omstrings 1521 † nei 1578, teminsten 57 jier
7448 Sytse Piers * omstrings 1534 † Smelbrêge 20-1-1619, likernôch 83 jier, boer
7449 Marij Seerps * omstrings 1536 † 3-6-1619, likernôch 83 jier
14850 Wpcke Johansz to Knossens (ek: Jansz) * Knossens foar 1507 † nei 1543 foar 1578, teminsten 36 jier, hy is wierskynlik mearderjierrich yn 1507, dan wurdt boekstaafd: Wpckes hynste camp; eigenerfd boer op Grut Knossens
14888 Sipcke Kempes * omstrings 1471
14889 Ferdw * omstrings 1477
29700 Johan Wpkis to Knossens (ek: Jan) * Knossens foar 1495
29776 Kempe Ynnazn
59400 Wpka Johannis to Knossens * Knossens foar 1456, yn 1456 segelje Hear Heinric, pastoar te Bolswert, en Wpka Knossens in kwitânsje fan Peter Martensz foar ûntfangst fan in erfdiel fan syn omke Gherard. Op it segel fan Upke is it râneskrift: Upka Johan to Knossens
118800 Johan toe Knossens * Knossens foar 1400, x 1405, op syn minst 5 jier
118801 nei alle gedachten Botke N.
In greep út de kolleksje Kingma-Rienks, skonken oan Erfgoed Fundaasje