KERTIERSTEAT FAN
PITER VAN TUINEN
* = berne/born
~ = doopt/baptized
x = troud/married
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
As yn dizze kertiersteat trochklikt wurde kin nei oare kertiersteaten en genealogiën, wurde de foarâlden hjir oer it generaal net útwurke: dat soe onnoadich dûbelop wêze. Erfgoed Fundaasje hat gjin ferantwurdlikheid oangeande boarnen, stambeammen, artikels ensfh. dy’t net ûnder har auspisiën falle. Dat betsjut trouwens net dat yn it wurk, útfierd ûnder it behear fan Erfgoed Fundaasje, gjin flaters sitte.
As de persoanen Bildtkerts binne, wordt de geskidenis feerhine in ’t Bildts beskreven, ’t selfde geldt foar ’t Harlingers.
Foar in oersjoch fan ’e stambeam Van Tuinen, sjoch:
–Stambeamke Van Tuinen –
–Genealogy Van Tuinen –
Wat is in kertiersteat?
Wurk yn útfiering – wurdt fuortset. Gearstalling en ûndersyk: Erfgoed Fundaasje (mei ryklik lienen fan oaren, wêrfoar tige tank).
Foar oanfullingen en ferbetteringen sjoch formulier
1 Piter van Tuinen * Ljouwert 7-12-1942, klassikus, learaar klassike talen Marnix-college Ede; 1971-’72 stúdzje archeology te Rome; 1971-1987 learaar klassike talen te Utert oan it Alberdingk Thijm College; 1987-2003 rektor Kristlik Gymnasium te Utert; foarsitter Stichting Erfgoed Fundaasje; bestjoerslid gemeentemuseum Het Hannemahuis te Harns;
Piter van Tuinen publisearre, ûnder oaren:
-Fictio facit poetam, IB XLVII, 1985, side 97-123
-Swit of swietrook, Phil. Fris., ao 1990, 1992, side 123-131
-Pallas en Mercurius, yn Hermans, J.J.M.e.o. (red.)
-De Franeker universiteitsbibliotheek, 2007, side 171-191
-mei Sybren Sybrandy: Geldzucht en godsvrucht. Bloemlezing uit de brieven van rector Reinerus Neuhusius (1608-1679). De Zeventiende Eeuw. Cultuur in de Nederlanden in interdisciplinair perspectief. 32 (2), side 262
-mei Arjen Dijkstra, Goffe Jensma en Djoeke van Netten Wiskunde als familiebedrijf. Menelaus Winsemius’ lijkrede op Adriaan Metius (1571-1635), 2012
-Salus Iuventutis Suprema Lex. Het Welvaren der Jeugd de hoogste Wet. De Friese Latijnse scholen 1585-1699, 2020.
Sjoch: Sybren Sybrandy en Piter van Tuinen, Geldzucht en godsvrucht
x Stedhûs Dokkum (troch Piter syn heit) 27-6-1970, tsjerlik Sybrandahûs (troch Aart Schippers, studintedûmeny fan Piter en Paulien te Amsterdam) 27-6-1970, Pauline Elizabeth Switters (Paulien, Pol) * Diepenveen 26-2-1948 † Harns, Noarderhaven 87, 30-11-2021; oplieding Christelijk Instituut voor Sociale en Culturele Arbeid (Cisca) te Amsterdam; frijwilliger Asylsikerssintrum te Utrecht, dêr dosint Nederlâns NT2, sûnt 2005 diplomeard idem oan it Regionaal Opleidings Centrum (ROC) te Snits en De Lemmer, ynfalster te Ljouwert; assistint-argivaris Hannemahûs; dr f. Taeke Doede Switters, notaris te Diepenveen en Rotterdam, en Anna Cornelia van Popta
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Van Popta –
Bern:
1 Arnth Sybren van Tuinen (Sybren) * Rome 31-5-1971; meiwurker Theater Frascati te Amsterdam; skaker
2 Reimer Winfrith van Tuinen * Amsterdam 6-11-1974; húsman, klasseheit, lêsheit te Amsterdam;
w.m. Marian Donner, skriuwer, columnist te Amsterdam; dr f. Johannes Hendrikus Donner (Hein), skaakgrutmaster en skriuwer, en Marian Couterier
Bern:
Ronin Hein van Tuinen * Amsterdam 29-10-2005; de foarnamme Hein is tafoege yn 2018
Piter en Paulien binne achter-achter-achter-neef en nicht, se ha deselde oerbeppe: Grietje Engberts Botma, nûmer 13 yn dizze kertiersteat en nr 7 yn de Genealogy Botma. Mei har twadde man, Pieter Tækes van der Herberg, hie Gryt Botma in dochter: Antje van der Herberg (Anna) *Ænjum 30-12-1876 † Grins 24-1-1942;
x Eastdongeradiel 17-6-1903, 26 en 37 jier, Egbert Switters * Grins 8-1-1872 † dêr 22-5-1919; fabrikant en keapman te Grins; sn fan Pieter Switters, fabrikant te Grins, en Trijntje Terpstra;
Anna en Egbert binne de heit en mem fan Tæke Doede Switters * Grins 6-2-1915 † Rotterdam 11-3-1980 x Raalte 1944 Anna Cornelia van Popta * Grins 24-4-1918 † Rotterdam 30-1-2007, Pauline har heit en mem.
2 Sybren van Tuinen * Seisbierrum 5-3-1913 † Swolle 29-4-1993 [] Hattem; 1940-’45 fersetsstrider, learaar skiednis Kristlike H.B.S. te Ljouwert, 1945-1946 waarnimmend boargemaster fan Boalsert, 1946-1970 boargemaster fan Dokkum, 1-12-1970-1978 idem Kampen; 1950-1970 lid Provinsjale Steaten foar de Anti Revolutionaire Partij (A.R.P.), 1968-1971 foarsitter Steatefraksje; lid Earste Keamer foar de A.R.P. , lid haadbestjoer Fryske Akademy, bestjoerslid Fryske Kultuerried, oprjochter Het Dockumer Stadsfonds (ûnderstipet kulturele, maatskiplike en sosjale projekten), idem IJsselakademy te Kampen, x Eastdongeradiel 13-6-1940.
3 Minke Lieuwina Sytsma * Ælsum 25-11-1913 † Hattem 10-1-2004 [] Hattem, lid Rie Bernebeskerming Eastdongeradiel
Sjoch: J. Visser – Schets voor een genealogie der Anjumer Sijtsma’s en van hun agnaten uit het geslacht Jeppema – Dongearadeel byda aestersida der Pasen – It Beaken – tydskrift fan de Fryske Akademy – Jiergong XXVI – Nr 2 – July 1964
4 Pieter van Tuinen * Op ’e Harne te Ingelum 2-8-1883 † Dokkum 22-3-1961 [] Bitgum, r. 16, gr. 15; ûnderwizer te Seisbierrum, dêrnei te Bolswert; learaar en haad Kristlike Kweekskoalle te Dokkum; ynspekteur fan it Leger Underwiis yn Fryslân; tsjerkekeriedslid Grifformearde Tsjerke. Nei him is de P. van Tuinenskoalle, foar Leger Ekonomys en Administratyf Underwiis, oan ’e Humaldawei yn Dokkum neamd; x Menameradiel 30-5-1912, 29 en 28 jier,
5 Dirkje Reimers Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp, Buorren 10) 12-8-1882 † Ljouwert 4-5-1962 [] Bitgum r. 16, gr. 5
6 Syds Lieuwes Sytsma * Ælsum 27-3-1868 † Dokkum 7-11-1939 [] Ælsum, boer ûnder Ælsum, sûnt 1892 gemeenteriedslid Eastdongeradiel, 1896 wethâlder, 1904-1944 boargemaster fan Eastdongeradiel, 1903-1922 en 1929-1934 lid Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de A.R.P., 1922-1924 lid fan ’e 1e Keamer, Staten Generaal, ridder yn ’e oarde fan Oranje Nassau, x Eastdongeradiel 16-5-1895
7 Sidonia Catharina Miedema * Ælsum 23-5-1870 † Dokkum 29-7-1953 [] Ælsum; bouboerinne ûnder Ælsum; boargemastersfrou te Mitselwier
Bern:
1 Lieuwe Sydses Sytsma * Ælsum 14-4-1896
2 Jeltje Sydses Sytsma * Ælsum 22-3-1898
3 Frans Sydses Sytsma * Ælsum 2-7-1899, 1934-1964 boargemaster fan Eastdongeradiel, ridder yn ’e Oarde fan Oranje-Nassau;
x Catharina Maria de Witte * 25-6-1901; pleechsoan: Louw de Jager
4 Grietje Sydses Sytsma * Ælsum 8-11-1904;
x Ljouwert 2-9-1931 Albertus Martijn Sustring * Snits 14-7-1903, goudsmid en sulverfabrikant te Ljouwert, sn f. Josephus Hendrik Sustring en Akke Johannes IJckema
5. Engbert Sydses Sytsma * Ælsum 28-10-1908
6 Minke Lieuwina Sydses Sytsma, sjoch nr 3 yn dizze Kertiersteat
8 Sybren Jacobs van Tuinen *Bitgummole 23-2-1840 † dêr 11-2-1933 [] Bitgum rigel 16, grêf 13, arbeider te Bitgum, by trouwen sûnder berop te Ingelum (hy sil oanslach hân ha by syn heit yn ’e gernierkerij), sûnt syn trouwen gernier op De Harne te Ingelum (se wenje dêr yn by Sybren syn heit en mem), opsjenner ‘Nederduits Gereformeerde Gemeente Beetgum’ (Dolearende gemeente, beneamd by de oprjochting dêrfan op 21-3-1888), idem âlderling (earste befestiging 2-4-1888), sûnt 1892 tsjerkeriedslid Grifformearde Tsjerke Bitgum, bestjoerslid Kr. Nasj. Skoalle dêr, x Menameradiel 16-5-1868
9 Jitske Johannes Ket * Froubuurt 5-12-1842 † Ingelum 16-8-1900 [] Bitgum rigel 16, grêf 14, sûnt 12-5-1866 faam by Pier Hedzers Rijpstra, boer te Ingelum, nei har trouwen genierske.
Jikke ferliest har mem mei alve jier en har heit as se trettjin is. Yn ’e famylje giet it ferhaal dat Sybren syn faam út it weeshûs helle hat, mar se is dan faam by de Rypstra’s.
Sjoch foar Rypstra: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Sytske Rienks
Reimer Gerbens Brouwer. Foto: F.O. Strüppert, Ljouwert
10 Reimer Gerbens Brouwer, sjoch: Genealogy Brouwer 1
11 Trijntje Jacobs Gosliga, sjoch Genealogy Gosliga IV.1.2
Sjoch foar har bern en fierdere foarâlden Brouwer: Erfgoed Fundaasje
–Goud en sulver B – Geboarteleppel Brouwer, Reimer Gerbens – 1802
–Kertiersteat Brouwer-Damsma
–Genealogy Brouwer
– Genealogy Gosliga
–Ancestors of Dirk Gerbens Brouwer, 1914-1986 – Hofstee Genealogy
Op dy webside gâns hâldfêsten, net altyd korrekt.
BOTMA
12 Lieuwe Sydses Sytsma * Pæzens 16-3-1844 † Ænjum 19-7-1873, boer ûnder Ænjum, lid fan ’e Rederij(= in maatskip oprjochte yn 1797 mei as doel de troch de oerheid ôftwongen ferkeap fan tsjerke- en diakonygoed yn ’e winske banen te lieden), x Eastdongeradiel 31-5-1867
13 Grietje Engberts Botma * Ænjum 12-1-1847 † dêr 1-2-1913, boerinne dêr, x 2 Eastdongeradiel 3-4-1876 Pieter Tækes van der Herberg * Ænjum 2-3-1854 † dêr 16-9- 1904 [] dêr, boer dêr op Rypersma sate, lâneigner, sn f. Tæke Pieters van der Herberg, 1876 hospes te Ænjum, boer dêr op Rypersma sate, en Antje Jacobs Holwerda
Sjoch:
-Erfgoed Findaasje – Genealogy Botma – VII.1.7
– Botma – De websites van RJH Brink
14 Frans Martens Miedema * Ælsum 27-1-1822 † dêr 13-1-1895 [] dêr, bouboer dêr, lântaksateur, tsjerkeriedslid en administrearend tsjerkfâd, x Dantumadiel 16-5-1867, 45 en 37 jier
15 Jeltje Jans Helder * Sybrandahûs 15-1-1830 † dêr 30-10-1897, 67 jier [] Ælsum
HESLINGA
16 Jacob Pieters van Tuinen * Froubuurt 13-12-1801 † Ingelum 4-11-1884 [] Bitgum rigel 16, grêf 13, yn 1833 boerefeint te Bitgum, dêr ek gernier, yn 1868 gernier op De Harne te Ingelum (hûsnr 22), lidmaat te Ingelum yn 1829, x Menameradiel 24-7-1833
17 Tetje Sybrens Heslinga * Bitgum 30-10-1798 † Ingelum 23-2-1876, hûsnr 20 [] Bitgum rigel 16, grêf 12
18 Johannes Tækes Ket * St.-Anne24-1-1815 † Froubuurt 16-3-1856, ferversfaint in Froubuurt, x ’t Bildt 13-5-1841 (se kinne de kosten fan ’e trou-akten niet betale)
19 Trijntje Cornelis Hoitsma * Froubuurt 25-12-1815 † dêr 10-10-1855, in 1841 naaister te Froubuurt
22 Jacob Klazes Gosliga, sjoch Genealogy Gosliga
23 Dirkje Gerhardus van der Velde
24 Syds Lieuwes Sytsma * Ænjum 13-4-1798 ~ dêr 6-5-1798 † dêr 2-3-1865 [] dêr, boer te Ænjum, 1850-1864 tsjerkfâd, x Eastdongeradiel 29-10-1841, 43 en 34 jier
25 Menke Tækes van der Herberg * Ænjum 10-5-1797 ~ dêr 28-7-1797 † dêr 2-7-1893 [] dêr
26 Engbert Ypes Botma * Ænjum 1-3-1808 ~ dêr 27-3-1808 † Ænjum dêr 18-4-1876, boer te Ænjum, yn 1808 vise-sekretaris Hulpvereniging Christelijk Nationale School Anjum (syn broer is presidint), tsjerkfâd, dykgraaf, gemeenteriedslid fan Eastdongeradiel; x 2 Eastdongeradiel 23-1-1851, 42 en 34 jier, Grietje Rinzes Sinia * Ljussens 30-6-1816 † Ænjum 29-9-1874, dr f. Rinse Gerrits Sinia, boer ûnder Ljussens, kommittearde en bestjoerslid dyksbestjoer Eastdongeradiel, en Jifke Thomas Helder; Ingbert x 1 Eastdongeradiel 8-4-1833
27 Wytske Doedes Boitsma * Nes (D.) 16-3-1809 ~ dêr 16-4-1809 † Ænjum 19-5-1847
Sjoch: Botma – De websites van RJH Brink
28 Marten Franses Miedema * Ælsum † dêr 31-10-1852, 65 jier, boer op Mockema state te Ælsum, dêr tsjerkfâd, x Eastdongeradiel 9-5-1813
29 Tjallyna van der Meer * Ljouwert, by x wenjend te Dokkum
30 Jan Cornelis Helder * Sybrandahûs 1802 † dêr 18-6-1873, hûsnr 20, 71 jier, houtkeaper en houtseachmûnder te Sybrandahûs, gemeenteriedslid fan Dantumadiel, x 2 Dantumadiel 8-6-1839, op houliksbetingsten, 37 en 23 jier, Aukje Jacobs Tuininga * Sybrandahûs omstr. 1816 † Rinsumageast 25-1-1886, dr f. Jan Siedses Tuininga, keapman te Sybrandahûs, gemeenteriedslid fan Dantumadiel, en Tjitske Reinders Spriensma; Jan x 1
31 Sidonia Catharina Posthumus * Rinsumageast † Sybrandahûs 24-11-1835, hûsnr 42
KUIK/KUIJK/KUYK
Wapen op ’e stien fan Maartje Dirks Kuik (frou fan Dirk Martens Koopmans), foarhinne op it hôf te Ingelum.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal/Koopmans
32 Pieter Jacobs van Tuinen (in 1811 tekent hij: Van der Tuin) * onder Stiens 1772/’73 † Froubuurt 29-4-1836, húsnr 99, 64 jaar, erbaaier te Froubuurt, weunde met syn trouwen onder Fainsum, in 1807 te Froubuurt bij de môln, in 1815/’17 gernier in Froubuurt, x Froubuurt 12-5-1799
33 Maartje Dirks Kuik (ok: Maatje) * Froubuurt 1-3-1780 † dêr 23-4-1833
34 Sybren Scheltes Heslinga * Bitgum 26-11-1766 † Bitgummole 8-9-1859, hûsnr 54, gernier op Dyksterhuzen en te Bitgummole, x Bitgum 17-5-1795
35 Klaaske Jouws Keuning (ek: Klaasje) * St.-Anne 22-9-1771 † Bitgummole 4-10-1853, hûsnr 54
36 Tæke Dirks Ket * St.-Anne 20-3-1785 † dêr 17-5-1827, Mr bakker in St.-Anne, ok gernier, x 1 Tytje Willems † St.-Anne 30-10-1810, x 3 Jeltje Klazes van der Woude * Starum, dr f. Klaas Sipkes van der Woude, skipper te Oenkerk, en Lysbert Geerts; Tæke x 2 St.-Anne 14-5-1812
37 Yetske Johannes Hulder (ok: Ytske, Jetske) * Nijesyl onder Froubuurt 16-7-1788 ~ Froubuurt 17-8-1788 † St.-Anne 27-5-1818, húsnr 127, bij x maid in Froubuurt,
OLIVIER
38 Cornelis Jacobus Hoitsma * Froubuurt 21-8-1788 ~ dêr 21-9-1788 † dêr 20-11-1825, húsnr 87, 37 jaar, skipper en gernier, later erbaaier in Froubuurt, x 1 Akke Jacobs; Krelis x 2 Froubuurt 9-9-1815
39 Trijntje Lourens Olivier * Stiens 10-1-1794 ~ dêr 2-3-1794 † Froubuurt 5-4-1860, 66 jaar, 1815, 1841 naaister in Froubuurt, in 1855 werkfrou dêr
44 Klaas Jacobs Gosliga
45 Trijntje Pieters Schiphof
Dut is Hinky Jehannes Santhuisen. Na ’t froeg fersterven fan hur man opent se ’n winkel in St.-Anne. Se het naast hur man fier kines ferloaren: Anna Petronella fan 6 maanden oud, in febrewary 1829; Jehannes fan 6 dagen, in desimber 1829; Gielis fan 4 dagen, in 1844; Gielis fan 5 maanden, in 1846.
Se mot as wede fan 45 jaar deur de tiid met ’n húshouwing fan seuven maisys in ’e leeftyd fan 21 tot 5 jaar.
De dochters binne stik foar stik kopstikken. Se lope nachal wat útnander, en gaan de aarmoed te liif met hur intellektuele bagazy. De ene is so road as ’n kraal, de ânder is stail konservatyf rechts-liberaal. Bepsêger Jan Jochums Kortje (seun fan Gerardina Hendrika van der Velde) komt foor de Communistische Partij Nederland (C.P.N.) in ’e Provinsjale Staten fan Fryslând, kines fan Maria Cornelia en Casper de Haan ferkere in Hofkringen bij Willemina, wordt bots grute.
Jan Kortje komt geregeld útfanhús bij syn griffermearde nicht Nynke Gosliga in hur deftig kapitalistys hús te Beetgumermôln (nr 11 in deuze kertierstaat). Se hewwe dan wel hele diskussys over Kerk, Staat en Maatskappij en Jan kin Nynke met syn politike ideeën in theory wel drie keer over, maar se prúlle nooit. Nynke is ok bra femilysyk – en dat gaat dieper.
46 Gerhardus Gillis van der Velde * St.-Anne 1807 † dêr 4-1-1848, komt op 9-8-1829 as ‘provisionele onderwijzer der jeugd’ met attestasy út St.-Anne in Ferwert, gaat op 6-6-1830 met attestasy fan Ferwert naar Wânswert-Jislum en is dan onderwizer te Wânswert, op 13-9-1836 ferhúst hij met attestasy dêrweg na St.-Anne, dêr’t hy hoofd fan ’e openbare skoal wordt; bestuurslid fan ’t Onderwizersgeselskap ‘Het Bildt’, organist, dirigint fan ferskaidne koren, x ’t Bildt 3-12-1826
47 Hendrikje Johannes Santhuisen * St.-Anne 13-12-1803 ~ dêr 15-1-1804 † dêr 1-1-1888, na hur man syn fersterven winkelfrou in St.-Anne, later sonder beroep
48 Lieuwe Idses Sytsma (ûntliend yn 1811/12 de achternamme oan syn mem) ~ Ænjum 31-3-1754 † dêr 8-12-1841, húsman op Bolta state dêr (floreennûmer 14, 73 pûnsmiet), keapet dy yn 1800 fan J.C. Bergsma, (Proklamaasjeboek M16, side 199), Lieuwe keapet geregeldwei lân, yn 1805 hat er mei-inoar 141,5 pm.; 1806-1808 en 1815-1817 âlderling, 1797 lid fan ’e Rederij (= in maatskip oprjochte yn 1797 mei as doel de troch de oerheid ôftwongen ferkeap fan tsjerke- en diakonygoed yn ’e winske banen te lieden), lêst rintenier te Ænjum, x Ænjum 25-5-1783
49 Tetje Minnes Donga, fan Ingwierrum, † Ænjum 5-7-1801
50 Tæke Pieters van der Herberg * Ænjum 1762 ~ dêr 14-11-1762 † dêr 16-5-1838 [] dêr, hospes yn Het Grauwe Paard te Ænjum, doarpsrjochter, boade fan ’e maire yn it Napoleontysk tiidrek, x Ænjum 20-5-1792
51 Riemke Jans Bergmans * Holwert 17-4-1770 † Ænjum 1-7-1828 [] dêr
52 Ype Engberts Botma * Iezumasyl 1-5-1782 ~ dêr 26-5-1782 † Ænjum 1-6-1848, boer te Ænjum, dykgraaf, kommittearde en bestjoerslid dyksbestjoer Eastdongeradiel, x Mitselwier 24-5-1807
53 Aaltje Jans Inia (ek: Ynia) * Mitselwier 14-10-1785 ~ dêr 30-10-1785 † Ænjum 17-11-1852, hûsnr 1, 67 jier
54 Doede Johannes Boitsma ~ Nes (D.) 23-9- 1759 † dêr 23-9-1826, x dêr 19-3-1786
55 Sijke Pieters ~ Easternijtsjerk 16-12-1784 † Nes (D.) 13-1-1832
56 Frans Martens Miedema
57 Stijntje Wepkes
58 Henricus van der Meer (ek: Hendricus) * (wierskynlik) te Dokkum 29-5-1752 † Dokkum 10-3-1815, 62 jier, yn 1784 te Ljouwert ekstra-ordinaris boade fan ’e Steaten fan Fryslân, houtkeapman te Dokkum, x Raard (Raarderhim) 9-5-1784 (ûndertrou Ljouwert 16-4-1784)
59 Baukje Fellinga (ek: Vellinga) ~ Dokkum 25-2-1759
60 Cornelis Jans Helder * Sybrandahûs omstrings 1759 † dêr 24-4-1838, 79 jier [] Ælsum, houtkeapman en seehanneler te Sybrandahûs, x 1 Boarnwert 15-1-1786 Jantjen Harms, fan Burdaard; Knillis x 2 Rinsumageast 2-6-1800
61 Swaantje Freerks Terweer * Sybrandahûs † 29-8-1861 [] Ælsum, yn 1839 rintenierske te Sybrandahûs
62 Nicolaas Gerrits Posthumus * 25-3-1790
63 Jeltje Jans Boersma * 15-1-1790 † 12-8-1828 [] Ælsum
64 Jacob Pieters, ûnder Stiens, x omstrings 1772
65 Maaike Jans, ?x 1 Feinsum 25-12-1766 Jelger Minnes, hy fan Feinsum, hja fan Froubuorren
Giet it by dit houlik om deselde Maaike?
66 Dirk Dirks Kuik † Froubuurt 6-11-1806, x 2 Froubuurt 1-8-1790 Gepke Dirks Bos (ok: Gerbregje) * Froubuurt 1768 † St.-Anne 1-3-1819, 51 jaar; Dirk x 1 Froubuurt 1-6-1777
67 Rinske Gerrits Gelder (se het de achternaam fan hur min overnommen) ~ Froubuurt 31-8-1749 † 1789
68 Schelte Gerbens Heslinga * 1729 † foar 8-11-1810, gernier oan ’e Hegedyk ûnder Stiens, diaken te Bitgum, x Bitgum 1-6-1755
69 Geertje Gerbens (Heslinga), fan Jelsum, te Bitgum op belidenis oannommen 12-11-1769
70 Jouw Mijntjes Keuning (ok: Mients) ~ St. Anne 18-6-1741 † Menaam 1801/6, boer onder St.-Anne, dêr as lidmaat annommen op 24-4-1769, in 1782 mei attestasy naar Menaam, x St. Anne (eerste proklamasy 16-10-1763), baide fan St.-Anne
71 Tetje Arjens Achterdijk ~ St. Anne 19-1-1744 † Menaam 29-1-1823, lidmaat te St.-Anne op 24-4-1769
Sien foor foorouders: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Antje Fokkes van der Meer – de nummers 22 en 23 en feerder
72 Dirk Cornelis Ket (ok fakentiden Keth, wordt in sterfakte fan Bauky De Kett noemd) ~ St.-Anne 18-9-1757 † dêr 4-5-1809, forver in St.-Anne; fan 8-9-1794 tot april 1795 dêre ok eksteur bij ’t Nedergerecht, Dirk wordt in april 1795 as ‘onzuivere beambte’ – de man is oranjegesind – deur de soanoemde Provisionele Representanten ôfset en ferfongen deur Jan Jacobs van der Laan, Dirk is ok assistint fan Jacob Gerrits Visser, dorpsrechter in St.-Anne, dy’t as eksekuteur benoemd waar in 1771 en dat bleef tot 1794; de húshouwing Dirk en Bauky weunt in 1795 in ’n hús achter ’t park fan ’e Van Harens op ’t Súdeand te St.-Anne
73 Baukje Tækes Ferwerda ~ Huzum 9-12-1754 † St.-Anne 13-12-1824, húsnr 278, 70 jaar
Dirk Ket het ’t as eksekuteur gau’s an ’e stok met patriotten. ’n Eksteur most foor ’t Nedergerecht orders fan ’e grytman útfoere: eksekutere, partijen sommere foor ’t gerecht te ferskinen om de sintînsy an te horen, leges infordere, ensoameer. Sien foor útlêg: Sannes II, bl. 227
H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt – Deel II, bladsys 224, 227, 280, 342; Deel III bl. 13, 16, 20
74 Johannes Arjens Hulder (ok: Holder)~ Froubuurt 8-2-1755 † onder Hallum 17-10-1825, húsnr 215, 70 jaar, erbaaier, bij syn fersterven sonder beroep, x Froubuurt 15-5-1785
75 Aaltje Martens * onder Froubuurt 1759/’60 † onder Hallum 16-11-1825, húsnr 215, 66 jaar, erbaaister onder Hallum, in 1825 sonder beroep
76 Jacobus Johannes Hoitsma * Froubuurt 20-8-1758, winkelman in Froubuurt, 1794-1795 dêr dorpsrechter, fan 1816 (koazen út fijf sollisitanten) tot 1828 gritenij-ontfanger, 1800-1828 ontfanger Oud Bildts Omslagen, folmacht foor Froubuurt, lid gemeentlike komissys foor Froubuurt (angaande besmetlike sykten, eermfoogdij), x Froubuurt 24-5-1779 (Tweede Pinkserdâg)
77 Trijntje Cornelis Bakker * Froubuurt 6-4-1759 ~ dêr 6-5-1781 † dêr 31-10-1825, húsnr 86, 66 jaar, as wede winkelfrou in Froubuurt
Sien: H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt, Deel III, bladsys 105, 184, 189, 221, 225, 228
78 Lourens Martinus Olivier ~ Holwert 9-8-1757 † Stiens 25-7-1808, 50 jier, gernier te Stiens, x Froubuorren 12-5-1793
79 Wytske Rinses † Stiens 25-4-1805
88 Jacob Wybes Gosliga
89 Jeltje Klazes van Aisma
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Van Aisma
90 Pieter Klazes Schiphof * Berltsum omstrings 1762 † dêr 28-4-1819, hûsnr 157, 57 jier, arbeider te Berltsum
91 Grietje Aukes † Berltsum 2-4-1810
92 Gillis Johannes van der Velde (ek: Gulielmus) * Breda ~ dêr Rooms Katolyk yn de Waterstraattsjerke 8-3-1764 † St.-Anne 29-3-1837, hûsnr 241, 73 jier, korporaal te Frjentsjer, letter kleanmakker te St.-Anne
93 Dirkje Gerrits Groen * Froubuurt 13-3-1768 † St.-Anne 21-3-1841, húsnr 241, 73 jaar
94 Johannes Geerts Santhuisen * St.-Jabik 1-8-1768 ~ dêr 25-9-1768 † dêr 27-8-1844, plisy te St.-Anne, dêr ok gernier, bruker fan 3 bunder, x 2 ’t Bildt 22-7-1826 Ytske Jans Spoelstra * Ferwert 10-8-1795 ~ dêr, toegelyk met ses broers en susters, 3-4-1796 † St.-Anne 8-1-1827, dr f. Jan Tjeerds en Fentje Ottes de Beers, erbaaiers, Ytske is boerin te St.-Anne, x 1 Ferwerteradeel 20-5-1818 Meindert Dirks Stienstra * St.-Anne 23-2-1787 † dêr 13-10-1824, sn f. Dirk Feyes en Attje Meinderts; Jehannes x 1 St.-Anne 14-5-1797
95 Pietje Arjens Keizer * Froubuurt 4-9-1774 ~ dêr 20-10-1774 † St.-Anne 24-5-1825, húsnr 225
96 Ids Kornelis ~ Ænjum 30-11-1689 † foar 1776, 1732-1771 húsman op Bolta state dêr, 1725 diaken, 1736-1738 en 1740-1742 âlderling, 1726-1728 tsjerkfâd, x 1 Ænjum (ûndertrou 3-5) 1721 Trijntje Jans ~ Ænjum 22-11-1696, dr f. Jan Lieuwes en Grietje Tækes; x 2 Ænjum 11-9-1746
97 Gryttje Geerts Sytsma, fan Ænjum, † dêr 17-8-1786, boerinne op Bolta state dêr
98 Minne Jans
99 Antje Sytses
100 Tæke Pieters
101 Antje Tækes
102 Jan Servaeses Bergmans ~ Holwert 20-8-1734 † dêr 1805, x Holwert 4-7-1762
103 Minke Houkes (ek: Menke) * 1740 ~ dêr, folwoeksen, 8-5-1766 † Holwert 12-1-1778
104 Engbert Lieuwes ~ Ænjum 10-5-1744 † 1804, docht belidenis te Iezumasyl op 25-10-1782, keapman te Iezumasyl, x Ingwierrum 1-7-1770
105 Grietje Hermanus Botma * omstrings 1749 † Ænjum 8-3-1840, 91 jier
106 Jan Syberens Inia * 1751 ~ Ie 21-3-1751 † Mitselwier 8-12-1813, hûsnr 62, 63 jier, x Mitselwier 17-4-1774
107 Tjitske Jacobs Ynia * Burgum omstrings 1747 † Mitselwier 4-3-1834, hûsnr 14, 87 jier, boerinne te Miselwier, by ferstjerren dêr rintenierske
108 Johannes Tækes, x Nes (D.) 27-5-1756
109 Martijntje Jacobs
110 Pieter Jacobs, x Easternijtsjerk 24-11-1763
111 Hylkjen Jans
116 Sytze Lieuwkes van der Meer, te Dokkum
117 Tjaltje Klaases
118 Anne Fellinga [] Dokkum omstrings 6-8-1783, 1749/’59 gerjochtsboade te Dokkum, 1749 dêr stedsboade, x Dokkum 23-3-1749
119 Janke Jans * omstrings 1722 † omstr.1802
(Hâldfêsten út de Kwartierstaat van Froukje Tjalline (Tsjalline) en Jan Idsardi, gearstald troch Henk Dijkstra en Martha Kist)
120 Jan Jans Helder † Sybrandahûs 7-4-1807
121 Yfke Cornelis Heeringa
?128 Pieter Jacobs, fan Feinsum, x 23-2-1745
?129 Simke Walings, fan Froubuorren
132 Dirk Dirks Kuik ~ Froubuurt 8-8-1724, x Froubuurt 28-5-1747
133 Maartje Fransen
134=314=374 Gerrit Gerkes, x Froubuurt 9-1-1727, baide fan Froubuurt
135=315=375 Jannigje Beerts Gelder (ok: Janke) ~ Froubuurt 6-3-1712
136 Gerben Piers
137 Wijke Scheltes Heslinga
Sjoch foar fierdere kertieren/foarâlden: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Brouwer-Damsma – de nûmers 32 en 33
Sjoch ek: Erfgoed Fundaasje
–Genealogy Heslinga
–Stambeamke Heslinga
?144 Cornelis Jochums ~ St.-Anne 18-9-1757
146 Tæke Hotses Ferwerda * Easthim 11-5-1732 ~ dêr 11-5-1732 † St.-Anne omstrings 1788, skoalmaster, organist en doarpsrjochter, komt maart 1752 te Huzum, ferfart augustus 1762 nei St.-Anne (op 21-7-1762 oanstelling dêr as skoalmaster en organist), is dêr ek ‘gemeentsschrijver’, x Huzum -1-1753
147 Wytske Lieuwes, fan Ljouwert, † Huzum 1762, krekt foar de ferhuzing nei St.-Anne
H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt, Diel II, side 317, oer Tæke: Ook werd hij weer gemeents-schrijver; toen dan ook in 1783 door Volmachten een nieuw Dorpsresolutieboek moest worden aangelegd, heeft hij de eerste bladzijde daarin kunstig betekend met zijn ‘penneconst’, waarin vele van die oude schoolmeesters het ver gebracht hadden.
148 Arjen Johannes Hulder, weunde met syn frou te St.-Anne, † Nijesyl
149 Tytje Heins † Luwt
150 Marten Feijes † Froubuurt
151 Jitske Meines de Swart (folgens †-akte fan hur dochter Aaltsy hyt se Jetske Douwes) † Froubuurt
152 Johannes Jacobus Hoitsma * Franeker 8-6-1722 † Froubuurt 4-3-1768, lidmaat 1744 te Franeker, sont 1746 sjirurgijn in Froubuurt, 1749-† 1768 dêr dorpsrechter, 1759-1762 ontfanger fan ’e boelgoeden, 1762-1768 ontfanger Oud Bildts Omslagen, x Froubuuurt 7-12-1760
153 Yetske Arjens (IJsselstein) ~ Froubuurt 8-12-1737 † Britsum 17-10-1808, x 2 Britsum 10-5-1772 Homme Jans Bruinsma, ferhúst in 1772 naar Britsum
Jehannes waar patriot. Sien H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt, Deel III, bladsy 13
Sien:
–Kwartierblad Johannes Johannes Hoitsma (*1768) – Kwartierstaat
https://astro.uni-bonn.de/~deboer/genea/ks/ks633.html
-Erfgoed Fundaasje -Goud en sulver J – Johannes Gerbens de Jong
154 Cornelis Arjens Bakker, x Froubuurt 29-1-1758
155 Jetske Jacobs
156 Martinus Lourens Olivier ~ Holwert 23-11-1732 † dêr 1779, x Holwert 16-5-1756
157 Adriaantje Gerrits ~ Froubuorren 26-1-1738 † Holwert 1794
158 Rinze Gerkes † Froubuurt 1785
159 Trijntje Lommerts † Froubuurt 1789
176 Wybe Klazes Gosliga
177 Hiltje Jacobs Gosliga
178 Klaas Everts (postúm Van Aisma) † Menaam 1780
179 Minke Johannes † Berltsum 8-3-1813, 70 jier, dan dêr rintenierske
180 Klaas Eeltjes † Berltsum 1795, dêr gernier
181 Grietje Pieters † Berltsum 1789
182 Auke Pieters † Berltsum 1786, dêr gernier
183 Trijntje Ruurds † Berltsum 1799
184 Johannes van der Velde (ek: Joannes), fan Voort (België)
185 Maria Elisabeth Ats, fan Haele (België)
186 Gerrit Pieters Groen * ônder St.-Anne ~ Froubuurt 26-3-1741, x Froubuurt 17-5-1767 (baide fan Froubuurt)
187 Aukje Gerrits (by trouwen: Antje) ~ Froubuurt 21-2-1740
188 Geert Harmens Santhuisen † St.-Anne -4-1783, x dêr 16-7-1758
189 Rinsje Cornelis † St.-Anne -4-1796
190 Arjen Hendriks, x Froubuurt 20-5-1758, baide fan Froubuurt
191 Hendrikje Pieters ~ Froubuurt 14-4-1737
192 Kornelis Reitses * omstrings 1659 † omstrings 1731, 1700 húsman op Bolta state te Ænjum, 1705-1707 tsjerkfâd
193 Tjetske Idses * omstrings 1663 † nei 1715
204 Servaas Jans
205 Ymk Johannes
208 Lieuwe Ypes (ek mei de fan: Alberda) ~ Ænjum 19-12-1706 † dêr 7-11-1787, houtkeaper en kalkbrânder te Ænjum, neffens kwotisaajekohier yn 1747 wolsteld, 1776 âlderling te Ænjum, x Skiermuontseach 28-6-1738 en Ænjum Ned. Herfoarmd 13-7-1738
209 Martje Engelberts (ek: Engberts) † Ænjum 15-11-1779, docht belidenis op Skier 6-4-1738
210 Hermanus Sakes * 1717?, x 1747
211 Antje Siedses Doma
212 Sybren Mintjes ~ 18-2-1725 † Eegeloren (neffens stjerakte fan soan Jan), wenjend te Mitselwier x Ænjum 7-5-1747
213 Baukjen Sydses ~ 27-2-1729 † Eegeloren (neffens stjerakte fan soan Jan), wenjend te Mitselwier
214 Jacobus Hermanus Inia (neffens stjerakte fan dochter Aaltsje)
215 Aaltje Foekes
268 Dirk Dirks Kuik *1702 † 1737?
269 Metje Meinerts * 1703?
292 Hotze Clases Ferwerda (ek: Verwerda), skoalmaster te Easthim, letter te Jirnsum
293 Baukje Tækes
304 Jacobus Johannes Hoitsma ~ Makkum 3-2-1689 † Frjentsjer 6-7-1737, nei syn trouwen sjirurgyn te Frjentsjer, 1720/’30 oan ’e Koudal (Cou dal, strjitte mei grêft daliks besuden de tsjerke), froedsman, hy en Tryntsje komme te Frjentsjer yn as lidmaten út Makkum op 16-6-1715, Jabik docht belidenis op 27-9-1715, x Makkum 26-12-1714
305 Trijntje Sjoerds Bierma ~ Harns 18-9-1689 † Froubuorren nei 1753, docht belidenis te Harns op 16-4-1711, wennet dan oan ’e Foorstreek 89, dat hûs is troch har heit kocht yn 1696; Tryntsje driuwt as widdo in winkel te Frjentsjer, se ferfart yn 1753 dêrwei mei sân bern mei attestaasje nei Froubuorren nei har soan Jehannes (útskreaun te Frjentsjer yn 1754)
DOCTER/DOKTER
306 Arjen Leenderts (IJsselstein/Isselstein) * Froubuurt 25-11-1701 † dêr 19-3-1763 [] kerk Froubuurt (ôfbeelding, sien nummer 1228 in deuze Kertierstaat); wordt met syn tweede frou in 1734 lid fan ’e Nederlâns Herformde Kerk (mooglik waren se eerst doopsgesind); húsman, tussen 1728 en 1738 offisjeel boer op ’e plaats fan syn hait, in 1749 boerke se op syn aigen plaats, dêr’t hij op 10-11-1753 aigner fan wordt, nummer 132 an ’e súdkant fan ’e Middelweg (hoek ten westen fan ’e Suderweg, huus en skuur met 47 morgen) onder Froubuurt dy’t hij dan al brúkt; in kwotisasykohier noemd: ‘Coopman, seer welgesteld’;1728-1730, 1732-1734 en 1748-1750 kerk- en eermfoogd in Froubuurt; 1734-1736, 1742-1746 en 1754-1760 folmacht; 1756-1758 dêr ouderling; 1734-1736 en 1742-1746 folmacht fan ’t Gerecht in Froubuurt; 1742-1763 folmacht fan ’e Bildtpôlen, ontfanger Oud Bildts Omslagen, kommitteerde ferkoop Oud Bildt domain, x 1 29-5-1718 Antje Foppes, fan St.-Jabik † foor 1731; x 2 Froubuurt 21-10-1731
307 Antje Jans Dokter ~ Froubuurt 9-10-1712 † dêr 4-10-1788 [] kerk Froubuurt; Antsy wordt met hur broer Gerben Jans op 9-11-1754 aigner fan Huis Kuyck, ’n huus en skuur met 45 morgen an ’e Suderweg 1, ten suden fan ’e Súdhoekster Dwarsweg, se weunt dêr tot yn elk gefal 1774
Grafskrift op ’e serk fan Antsy Jans Dokter:
1788 DEN 4 OCTOBER IS OVERLEDEN DE/EERBARE ANTJE JANS DOKTER HUIS-/VROUW VAN AARJEN LEENDERTS OUD/SESENZEVENTIG JAAR EN LEIT ALHIER/BEGRAVEN/
Sien:
–Arjen Leenderts (IJsselstein) en Antje Jans Docter
-P. Dokter – Genealogie Dokter, Genealogysk Jierboekje MCMLXXV, Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, 1975
-H. Sannes – Grafschriften tussen Flie en Lauwers II Het Bildt, Het Friesch Genootschap van Geschied-, Oudheid- en Taalkunde en De Fryske Akademy, Jongbloed’s Uitgeverszaak C.V., Ljouwert, 1952
312 Lourins Olivier ~ Ternaard 7-10-1703 † 1760, docht mei syn twadde frou belidenis -11-1747, yn 1825 kastlein te Holwert, 28-3-1730 neamd as kollekteur dêr, sûnt 28-11-1742 dêr doarpsrjochter; yn kwotisaasjekohier fan 1749 wurdt steld: ‘stelt sijn doen’, keapet 29-1-1743 twa huzen te Holwert en yn 1754 noch in hûs, yn 1756 idem it hûs Mockenburg mei tunen, yn 1751 en ’52 los lân te Holwert, x 2 Holwert (ûndertrou 4-7) 1739 Baukje Roelofs ~ Holwert 13-3-1716 † nei 1768, dr f. Roelof Sipkes en Tietje Tietes, buorkje te Holwert en Waaksens; Lourens x 1 Ternaard 1-5-1729
313 Akke Jentjes, fan Ternaard
314=134=374 Gerrit Gerkes, x Froubuurt 9-1-1727, baide fan Froubuurt
315=135=375 Jannigje Beerts Gelder ~ Froubuurt 6-3-1712
?372 Pieter Dirks, fan onder St.-Anne, x Froubuurt 22-7-1736
?373 Trijntje Fensens
?374=134=314 Gerrit Gerkes
?375=135=315 Jannigje Beerts Gelder
376 Harmen Geerts
377 Akke Jurjens
378 Kornelis Doens
379 Hielkje N.
?380 Hendrik Arjens, x St.-Jabik 7-5-1671
?381 Maartje Sybes
382 Pyter Ottes, x Froubuurt 19-3-1734, baide fan Ouwesyl
383 Fopkje Eyntes
384 Reytse Tækes, húsman op Jeppema state te Ænjum
385 Trijntje Cornelis, x foar 22-4-1673 Sape Liuwes
386 Ids Folkerts
387 Ebeltje Tjaards
416 Ype Jacobs (ek: Epo, Ebe Alberda) * Iezumasyl 1675 † 1732, yn 1728 keapje Ype Jacobs en Rinske Lieuwes de helte fan Humalda sate te Ie, stim 22, de oare helte is yn eigendom fan Reitse Sapes, bysitter fan Eastdongeradiel, en Sjieuke Rinses. Yn 1735 komme har bern Lybeth Reitses en Jacob Ypes op ’e pleats, sûnt neame dy har Humalda, x Ænjum 22-12-1700
417 Rinske Lieuwes * 1675? † 1745?, x 1 Jan Harmens
420 Sake Gerrits Botma * 1681 † 1751, x 2 1742 Renske Oebeles, x 1 1715
421 Grietje Reneman * 1687? † 1731
424 Mintje Sybrens * omstrings 1683 † nei 1730, boer op Boersma sate te Ænjum, by ferstjerren winkelman, x 10-6-1708
425 Kouke Johannes * omstrings 1686 † nei 1730
426 Syds Oebeles * Ljussens 28-8-1698 † Ænjum 23-7-1772, docht belidenis te Moarre op 23-2-1721, x 2 Ænjum 9-5-1739 Aukje Klazes * 1710 † 1782; Syds x 1 Ænjum 12-12-1721
427 Rienskjen Jans * 1699 † foar 9-2-1739
536 Dirk Dirks Kuyk * 1655 † 1720?, x omstrings 1675
537 Trijntje Jacobs Gelder
608 Johannes Jacobus Hoitsma (ek wol: Jan neamd Hoytsma) † foar 1728, Mr sjirurgyn te Makkum, nei 1702 te Frjentsjer; Popk en Jehannes binne foar de helte eigners fan pleats SC44 te Wytmarsum (de oare helte is fan Popkje har suster Antje en har man Mr Sjoerd Fransen, sjirurgyn te Makkum; yn 1640 is har beppe Popck (nûmer 2441 yn dizze kertiersteat) eigner en brûker fan deselde pleats, x Doanjum 30-4-1682, dan beide fan Makkum
609 Popkjen Hendricus Wieringa * Makkum 12-2-1662 † foar 1728, trije fan har soannen wurde allyksa sjirurgyn en ûnder de Wieringa’s is dat fak ek húsriem
610 Sjoerd Pytters ~ Harlingen 4-4-1666 † daar 2-12-1727, Mr skoenmaker ‘bij de Franeker pijp’ te Harlingen, burgemeester fan Harlingen, hij koopt in 1715 ’t hús Bildtstraat 15; Sjoerd en Maaike doën beide belidenis op 12-11-1686
611 Maeyke Pytters ~ Harlingen 20-8-1665 † daar 13-10-1727
612 Leendert Arjens † Froubuurt tussen 1703 en 1707, eerder as syn frou; doet belidenis op 4-2-1687; aigner fan plaats 21 in de ‘Olle Billanden’ (47 morgen), dêr boer; in 1698 noemd as eermfoogd in Froubuurt, x Froubuurt 3-1-1701
613 Dirkje Lammerts * St.-Anne † Froubuurt, doet op 16-2-1707 belidenis
614 Jan Gerbens Dokter (ok: Docter), hij nimt in dut skaai as eerste de naam Dokter an, wêr’t hij dy fort het is niet bekend, ~ Froubuurt 26-3-1671 † dêr 14-5-1738, boer en koopman dêr; in 1713 noemd as ontfanger fan ’e Bildtsomslagen; met-kommitteerde anbesteding onderhoud Poldyk, hij is de eerste kommitteerde fan ’e Bildtpôlen, dêrfan folmacht; testeert 31-8-1733, x Froubuurt 22-10-1702
615 Jannigje Heerts ~ Froubuurt 14-5-1682 † dêr 1738
Sien: Kwartierblad Jannigje Heerts (*1682)
624 Martinus Olivier, yn 1693 ‘gardekoer’ (= soldaat yn ’e liifwacht, Corps de Garde) op it Ruterskertier te Ljouwert, ferfart jan./april nei Ternaard, dêr gernier
625 Franske Alefs, 16-5-1690 mei attestaasje fan Holwert nei Ljouwert, út Ternaard wei werom nei Ljouwert 4-5-1718, mooglik as widdo
630 Beert Daams Gelder * omstrings 1681 † na 1725, x Froubuurt 25-9-1707, baide fan Froubuurt
631 Rinske Johannes * omstrings 1686 † foor 1749
?760 Aerien Willems Sijma
?761 Lubbrighie Barents, x 2 foor of in 1644 Pyter Aerts
768 Tæckes Sapes Jeppema
769 Riemcke Jurckx hja nimt de achternamme oan fan har man nei 1673
832 Jacob Ypes * 1650?
834 Lieuwe Claases
835 Grietje Sybrants
ANDRINGA
840 Gerrit Sakes Botma (hy hat wierskynlik syn achternamme fan syn pleats) * omstrings 1651 † Moarre 18-3-1735 [] tsjerke Moarre, boer op en eigner fan Botma sate te Moarre, hy en syn frou keapje gâns fêstichheden, ûnder oaren ‘Holdinga zathe ende staten’ te Ie en Jennema sate te Ljussens; bysitter en dykgraaf fan Eastdongeradiel, dyksfolmacht fan Moarre, x 1680 (mei attestaasje fan Froubuorren)
841 Jantje Nannes Botma * Stiens 26-4-1657 † Moarre 30-3-1747, út it Andringa skaai, hja nimt de achternamme oan fan har man, * Moarre 1656 † dêr 1747 [] tsjerke Moarre, skinkt Moarre it tsjerkeoargel yn 1740
Sjoch: Andringa Stichting – Andringa 3 – Geschiedenis van de verschillende families Andringa van 1450 tot heden, Feanwâlden, 2016 ISBN 978 90 803 389-0-6
Grêfskrift op ’e rânen:
Anno 1747 den 30ste Maert is in de Heere gerust den [ôfhoud: Eer] bare Jantie Nammes de huisvrouwe van Gerrit Saakes Botma in leeven geweest bysitter dyk [ôfhoud: graaf] van Oostdongeradeel out in haer
91ste jaer ende leit alhier begraven. Al die hier op my komt treeden gedenkt maer vry op my; Al leg ik hier beneeden ik ben geweest als gy
Grêfskrift yn it ornamintale kartûs:
A0 1735 den 18 maart is in den Heere gerust den eersamen seer discreeten Gerrit Sakes Botma, in leven oud bisitter en Dijk [ôfhoud: graaf] van Oostdongeradeel en dijkxs volmacht van het Dorp Morra oud omtrent 84 jaaren legt alhier begraven verwagtende een salige opstandinge in Christus Jesus Amen
De ynhâld fan ’e wapens is der útkappe.
Boarne foto’s: Botma – De websites van RJH Brink Person:Engbert Botma (1) – Genealogy – WeRelate
842 Hermanus Hermanus Reneman
843 Trijntje Jacobs
852 Uble Sydses * Moarre 1667? † dêr nei 1721, x 1690, hospes te Moarre, x 1 omstrings 1684 Trijntje Bauckes * 1663 † 1685, x 2 Moarre 1690
853 Antje Everts * 1672 † 1711
1072 Dirk Dirks Kuyk * om 1620 hinne † 1691 [datum?], bakker te Froubuurt, x 2 Froubuuurt 25-2-1672 Ebeltie Egberts; Dirk x 1 Froubuurt 26-9-1652
1073 Lysbeth Johannes ~ Stiens 20-12-1629
Sien foorouders Kuik: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Brouwer Damsma – nummer 232 en feerder
1074 Jacob Cornelis Gelder
1216 Jacobus Joannis (Hoytsma), fan Makkum, sjirurgyn
1217 Trintie N. (mooglik Sieertsma/Sjoerdtsma)
1218 Henricus Franciscus Wieringa ~ Easterein 22-4-1627 † foar 1698, x Easterein 8-3-1657
1219 Sjouck Jenkus Tieerdsma † foar 1698
1220 Pieter Sjoerds Bierma, doopsgesind? † Harlingen na 1696, burgemeester fan Harlingen?, mooglek skeepsbouwer (hij besad un werf), koopt in 1692/93 Suderhaven 18 en Rommelhaven 24B, yn 1696 ut hús Foorstraat 89, idem ’n weuning of kamer in de Gortmakerssteeg, in 1693 twee ledege húsplaatsen an ’e súdside fan ’e Suderhaven, foarheen brúkt as timmerwerf, koopt in 1696 ’n kamer in de Footsjessteeg omtrint de Appelmarkt, x Beetgum 15-11-1663
1221 Geeske Jelgers, fan Bitgum
Pieter is mooglek doopsgesind, maar dan sou hij gyn burgemeester weze kinne, want minnisten mage niet overheidsambten beklede. Dus waar hij wel burgerfader? Daar is wat ferwarring over. Of waren se in Harlingen datangaande tolereranter? Sien foar Pieter syn posisy in Harlingen:
Kwartierblad van Sjoerd Pytters (*1661)
1222 Pytter Pytters † Harlingen begin 1683
1223 Jeltje Huiberts ~ Harlingen 11-10-1640 † daar -1-1683
?1224 Arjen Lenerts IJsselstein
?1225 Trijn Jans
1228 Gerben Cornelis (Feykes/Feyckens) ~ Froubuurt 29-6-1636 † na 1694 [] kerk Froubuurt, yn 1698 húsman op stim 9 onder Froubuurt, x proklamasy Froubuurt 5-3-1665
1229 Antie Jans Gelder * -11-1629 of -11-1639 † Froubuurt 25-11-1697 [] kerk Froubuurt
1230 Heert Jans * 1635 † 1702, in 1698 en 1700 boer op plaats 21 in ’e ‘Olle Billanden’ onder Ouwesyl; in 1668 noemd as diaken, in 1680 kerkfoogd; 1690-1692 en 1697-1698 ontfanger Oud Bildts Omslagen; sont 1684 dorpsrechter te Froubuurt tot syn doad; x 1 Jannigje Sjoerd Daams, x 2 1675
1231 Yetske Harmens (ok: Idske, Itske), foor hur trouwen maid bij hur latere man
Sien:
–H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt – Deel I, bladsys 299 en 442
-O. Schutte en Y. Brouwers – Kwartierstaat Van der Mey in parentelen, Genealogysk Jierboek 2009, Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy, Ljouwert, 2009, bladsys 232, 242
1260 Daam Arjens Gelder † na 1694
1261 Jannechie Beerts (ok: Janke) † na 1694
1682 Namne Johannes † 1679, boer op it Bil en te Stiens, keapet yn 1677 de helte fan in sate te Stiens fan 26 pm; yn 1698 binne de erven eigner fan stim 16 te Stiens, 1666-1676 geregeldwei âlderling te Stiens, x Froubuurt 24-11-1644
1683 Tiamcke Sybes Andringa
Sjoch foar foarâlden: Erfgoed Fundaasje –Kertiersteat Anneke Bouma, de nûmers 1056 en 1057
1704 Sydse Ubles * 1632 † nei 1692, x omstrings 1657
1705 Trijntje Andries * 1635 † foar 1668
2144 Jan Dirks Kuyk (ok Cuyck)
2145 Neeltje Claessen
2438 Frans Wouters fan Lúwarden/Franciscus Gualteri Leovardiensis * 1588 † Easterein (Hinnaarderadiel) 21-12-1636 [] yn tsjerkekoar te Easterein, dêr’t de grêfstien noch te sjen is, 1608 ynskreaun oan ’e Frjentsjerter universiteit, talen en filosofy, yn 1610 op gymnasium te Bremen, 1613 studint teology te Frjentsjer, fan 1615 oant syn ferstjerren dûmeny te Easterein, x foar 1618
2439 Antie Henrici Blancama * 1590 † Easterein 22-6-1652 [] yn tsjerkekoar te Easterein, dêr’t de grêfstien noch te sjen is, docht 12-8-1615 belidenis te Easterein; dûmenus mefrou begjint nei de dea fan dûmeny te buorkjen op pleats nûmer 49 te Easterein, se keapet yn 1640 17,5 pûnsmiet, de tsjerke en de pastory ha 36 pm. yn dy sate, Antsje is brûker fan alles.
Grêfskriften:
Anno 1636 den 21 dec sterf de godsalige Franciscus Gualteri dienaar des h.e. in Oosterend oldt 48 jaar/
Ao 1652 den 22 juni sterf de rechtvaardige Antie Henrici ds zyn wyf
Dûmeny Gualteri hat skeel mei syn skiep Fokel Jetses. Dat rint sa heech op dat de hoeder op in jûn de ljedder by Fokel har klinte opset en in ammerke mei drek troch har skoarstien kiperet. It ûnrant komt telâne yn Folkel har smaaklik miel iten dat se y ’en hurd opstean hat.
De saak komt foar de klassis en dy hâldt kollega earst de hân boppe de holle, mar dat wurdt gemeentelid Jan Dirks Sjaarda te mâl en dy seit de klassis it mannewaar op. By eintsjebeslút bekend dûmeny skuld fan ’e preekstoel ôf.
Dûmeny hat likegoed syn hele leven mar ien gemeente en dat is Easterein. Hy stiet dêr 21 jier yn ’e houten broek, fan 1615 oant syn dea derop folget. Hy fielt him sa’t skynt ek in echte Eastereinder, want hy neamt himsels letter Euroteleles, de Eastereinder. Guon Eastereinders ha al beswier makke tsjin syn berop, dat syn start is no net sa geweldich. It liket mear te gean om macht as om de lear, it leauwen. De klassis set mei wat leden fan ’e ‘smelle gemeente’, dat binne de stimhawwende boeren, har sin troch en beneamt Gualteri bûten witten fan ’e brede gemeente om. Ut dy rûnten, by it folk wei, komt ferset, mar de klassis wykt net.
Sjoch: Marten L. de Boer, Klaas Kooistra, Folkert K. Reitsma – Drukkerij/Utjouwerij Van der Eems, Easterein, 1995, side 395, 396 ISBN 90-74628-08-7
2438 Jencke Sijerdsz † Wytmarsum foar 1640, boer dêr, x Wytmarsum 6-10-1616, beide fan Wytmarsum
2439 Popckien Jansdr † nei 1640, yn 1640 is ‘Jentie Sjoerdts weduwe, Popck’ is eigner en brûker fan pleats (SC44) te Wytmarsum, yn 1698 hat beppesizzer Jan Hoitsma dy foar de helte yn syn besit
?2442 Jelger Hanses † foar 17-10-1655, lidmaat en diaken te Bitgum
2446 Huybert Sents † foar 1657, groatskipper, koopt in 1642 ut hús Kleine Brede Plaats 20, x Harlingen 3-12-1626, beide fan Harlingen
2447 Caeske Jans † Harlingen na 1657
?2448 Lenard Yssel * omstrings 1595
2456 Cornelis Feyckesz (ok: Cornelis Feyke Feykens; tekent faak met C.F. Rodenhuis/Rodenhuys; ok noemd IJsselstein en De Wit) * Froubuurt 1600/’05 † Froubuurt kort na 17-12-1666 en foor 6-10-1667 [] kerk Froubuurt (foor de ôfbeelding, sien nummer 1228 in deuze Kertierstaat); in 1644 noemd as lidmaat te Froubuurt; boer onder Froubuurt, en skoenmaker; op 22-9-1645 beëdigd as bijsitter bij ’t gerecht, dat blyft hij tot syn doad; folmacht fan ’e Bildtmeijers foor Froubuurt; hij is dêrnaast ‘Collecteur van ’t Bestiaal’, ’n belasting op fee; x 2 Froubuurt 14-10-1655 Lysbeth Claesdr, fan Froubuurt † na 1667: Krelis x 1 Blije 1623 (1e proklamasy te Froubuurt 11-1-2-1623)
2457 Thoenke Wijgersdr ~ 1605 † Froubuurt 11-1-1654 [] kerk Froubuurt
Sien: H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt – Deel I, bladsys 295
2458 Jan Cornelis (Gelder), x 1 Froubuurt Foeck Jacobsdr, x 2 Froubuurt 20-12-1627 (eerste proklamasy al op 14-7-1625)
2459 Lysbeth Romkesdr * St.-Anne
2460 Jan Heerts, boer onder Froubuurt (bruker, later aigner fan 37 morgen Oud Bildtlând), folmacht foor Froubuurt; wordt op 5-10-1657 feroordeeld tot 12 caroli gulden fanwege êgen, ploegen en bleken op sundeg onder de preek; x 2 Arientie Willems, dr f. Willem Claesz te St.-Anne en Trijntje Hendrick Reyners, Arjaantsy is wede fan Aerien Olpherts; Jan x 1 Froubuurt 1631, baide fan Froubuurt
?2461 Jannigje Cornelis † 1640, wede fan Aebe Gerrits
Sien: H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt – Deel I, bladsys 302 en 325
2520 Aeryen Cornelis Gelder, x Froubuurt 21-5-1631, baide fan Froubuurt
2521 Maeik Femmesdr
2522 Barthout Daems (ok: Beert) (Schellingwou?), te St.-Anne, x St.-Jabik omstrings 1635
2523 Tettie Arjens Claesdr, fan St.-Jabik
4288 Dirck Jans Kuyck (ok: Cuycken)
4290 Claes Jans Estrik * omstrings 1530 † 1609?
4291 Mary Jans Kuycken * omstrings 1530 † 1609?
4880 Sijerdt Wiggers
4892 Sent Huyberts † Harlingen foar 1655; hij is 1618-’22 en 1631-’35 geswoarene; hij is 1623-’30, 1635-’37 en 1642-’45 burgemeester fan Harlingen; 1637- ’41 froedsman; 1646-’48 en 1650-’52 geswoarene en gemeensman
4893 Maycke Warners † Harlingen na 1655, Maaike koopt as weduwe de helft fan un hús in de Brouwersstraat WS nummer 28 bij de Kimswerderpiip; se erft in 1656 fan hur broer Lammert Warners, soutsieder in Harlingen aan ut Franeker Diep
4912 Feycke Feyckesz (d’ Olde) * omstrings 1575 † Froubuurt foor 7-8-1639, boer en skoenmaker dêr; dorpsrechter fan Froubuurt; eksekuteur (útfoerder fan fonnissen fan ’t gerecht) foor Froubuurt, fan 1629 tot syn doad bijsitter fan ’t gerecht fan ’t Bildt; x Froubuurt 16-7-1599
4913 Auckje Cornelis Pyrs * omstrings 1580 † na 21-11-1636
?4896 Arjen Jans Ysselmonde * omstrings 1565
?4897 Machteld Sydtsedr
4913 Auckje Cornelis Pyrsdr * omstrings 1580 † na 21-11-1636
4914 waarskynlik Wyger Minthies
4915 waarskynlik Neel Tewisdr
4916 Cornelis Cornelis Gelder, in 1624 koazen tot folmacht fan Froubuurt
Krelis mot as folmacht metbewerke dat de huur dy’t in novimber 1623 deur de Staten fan Fryslând opsain is ongedaan maakt wordt. Dêrfoor worre prosessen foerd
Sien: H. Sannes – Geschiedenis van het Bildt – Deel I, hoofdstik VI en XII, blasys 364-367 en 376-379
?4922 Cornelis Claessen
5040 Cornelis Gelder (ok: Gelders)
?5044 Daem Jansz * 1565 † 1626?
?5045 Dirckie Barthouts Wassenaar * 1572 † 1644?
8580 Jan Gerrits Cuyck (ok: Kuycken) † 6-11-1551, boer te St.-Anne, huurder fan parten fan kavel 12 en 16
8581 Connegondt Corstiaens † na 1566, boerin
8582=8580
8583=8581
?9792 Jan Walings Yssel * omstrings 1530
?9793 Maertie Daems van der Mey
?9794 Sydtse Gosses
9826 Cornelis Pyrs, op ’t Bil op 17-10-1594
9827 Lubbrich Wilckedr
9844 Claes Willems Wassenaar
10088 Jan Daemsz (Schellingwou?) * omstrings 1529, boer op Molenschot, x St.-Anne 1563
10089 Marrichje Stevensdr (Wassenaar) * omstrings 1535
Sien: W.Tsj. Veer – De Friese Wassenaars, 1963
?10090 Barthout Barthouts Wassenaar * 1545 † 1626
?10091 Aegjen Dirks Keth * 1542 † 1576
Sien: Kertierstaat fan Baukje en Sytske Palsma
19584 Waling Jans * omstrings 1500
?19586=20176 Daem Claesz Schellingwou
?19587=20177 N. Cornelis van der Mey
19652 Pijr Cornelis Wittes † Froubuurt, boer
?19688=40356 Willem Stevens (Wassenaar)
?19687=40357 Emerentia Gerritsdr van Poelgeest
20178 Steven Willemsz (Wassenaar) * Sassenheim omstrings 1474/’95 † op Molenschot onder St.-Jabik, x 1520/’25
20179 Hadewij Cornelisdr (Keth?) † 1547
20180 Barthout Barthouts * 1505
20181 N. Arent Tou Jansdr van der Burch
Sjoch: Genealogie Touw van der Burch – JohnOoms.nl
?20182 Dirck Claeszn Keth † foor 1542
40352 Claes Daems Schellingwou * 1480?
40354 Cornelis Franses van der Mey * 1465?
40356 Willem Stevensz (Wassenaar) * Sassenheim omstrings 1445/’55 † waarskynlik Sassenheim na 1506, ging mooglik in 1506 met syn seunen na ’t Bildt en is dêr sturven, maar omdat in ’e femily-aantekeningen de fier broers noemd worre dy’t hur festige op ’t Bildt is hij mooglik sturven te Sassenheim; x Sassenheim 1474
40357 Emerentia Gerritsdr van Poelgeest; oer Amerins har foarâlden is nochal wat op internet setten, it is de fraach wat dêrfan wier is en wat net
?40358 Dirck Kornelis Keth
mooglik ’n foorouder fan bes Dirk Cornelis Ket, nummer 72 in deuze kertierstaat, en dus fan bep Jitske Jehannes Ket (nr 9), hier wordt nag ondersoek na deen
40360 Barthout Willems * 1478 † 1537
40361 N. Claesdr
40362 Arent Janzn Tou van der Burch † 1541?
40363 Leentgen Pietersdr de Backer † 1577?
?40364 Claes Dircxzn Keth * omstrings 1481?
80712 Steven Huygensz * Sassenheim omstrings 1410/’30
80720 Willem Stevens Wassenaar=40356
?80728 Dirck Cornelisz Keth * omstrings 1480