GENEALOGY
FIERSTRA
fragminten

Dizze genealogy Fierstra beëaget it jaan fan famyljeferbannen y.f.m. it opsetten fan it famylje-argyf Fierstra. Bysûnder binne dêrby de oantekeningen fan Gerrit Pieters Fierstra (IV.2) oer sibben en bedriuw en in deiboek – benammen oer it waar, de man libbet alheel mei de natuer. Dat is yn typskript skonken troch Jouke Entjes van der Ende te Hijum oan ’e Stichting Erfgoed Fundaasje.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Oantekeningen Gerrit Pieters Fierstra I en Oantekeningen Gerrit Pieters Fierstra II
It is de bedoeling om argyfmateriaal, lykas akten, brieven en foto’s oangeande dizze famylje, feilich te stellen foardat it weiwurdt. De Kolleksje Fierstra wurdt foar de takomst neffens kontrakt mei de Gemeente Waadhoeke dêr ûnderbrocht. Wy stelle sadwaande priis op oanfullingen, ek ferhalen en anekdoaten om de persoanen hinne; sadat de sosjale kontekst mear kasjet krijt, de skiednis trochlibbet.
Dit is wurk yn útfiering, d.w.s. dat der geandewei oan arbeide wurdt.

Undersyk: Erfgoed Fundaasje.
Tankber gebrûk is makke fan de Genealogie van de familie Fierstra (2006) fan ’e hân fan Jan L. Zwart, te Limmen. Zwart hat syn ûndersyksresultaten op 24-11-2020 skonken oan Erfgoed Fundaasje. 
Dirk Piers Swierstra (* Ingelum 18-5-1902 † 14-1-1970, boer te Ingelum en Boer) hat ek ûndersyk dien nei dizze Fierstra’s en stelde yn dat ramt in kertiersteat op fan Ype en Jantje Catharinus Jousma, bern fan Antje Ritskes Fierstra. Ek dy hâldfêsten binne te lâne kommen yn ’e Kolleksje Fierstra.

* = berne/born
~ = doopt/baptized
x  = troud/married
w.m. = wennet mei/lives with
† = ferstoarn/deceased
[] = begroeven/buried
§=anekdoate/meidieling/tafoeging; wêrjûn yn grien
Wat is in stambeam?
Wat is in genealogy?


Wierskynlik âlden fan I.1:
Ritske Dircks
; yn 1698 boer op stim 7 te Wânswert (eigner: Sjouk Douma, widdo Burmania); Ritske docht op 16-12-1687 belidenis by de Nederlâns Herfoarme Tsjerke te Wânswert; Ritske en Eelkje wurde dêr neamd as lidmaat  17-11-1695 en op 5-8-1700; yn 17117 binne se lidmaat te Hallum
x fóar 1685 Eelkjen Pyters (ek: Eelck)
Bern:
1
Pyter Ritskes, folget I.1 
2 Elske Ritskes
~ Ferwert 18-2-1691
3 Elske Ritskes ~ Ferwert 1-2-1693
4 Gerrit Ritskes, folget I.2
5 Antje Ritskes ~ Hallum 17-4-1702

GENERAASJE I
I.1 Pyter Ritskes
 ~ Ferwert 10-7-1687; boer te Hallum;
x Hallum 30-7-1718, hy fan Hallum, sy fan Brantgum, Froukje Fetzes
Bern:
1 Andries Pieters, folget II.A
2 Ritske Pieters, folget II.2
3 Eelkie Pytters
(ek: Eeke) † 1774; by har ferstjerren is se widdo en lit se seis bern nei, de âldste dêrfan is santjin;
x Hallum 20-11-1746, beide fan Hallum, Frans IJsbrants; boeren ûnder Stiens benoarden de Wurge, by it Balke slot; neiteam: Galema

I.2 Gerrit Ritskes * omstrings 1700 † 1746/’47;
x Hallum 10-9-1724 Tjitske Tjitzes
Bern:
1 Jan Gerrits
~ Hallum 18-11-1725
2 Eelkjen Gerrits
~ Hallum 18-4-1728
3 Reinu Gerrits
~ Hallum 18-4-1729
4 Antje Gerrits
~ Hallum 3-6-1731
5 Baaukjen Gerrits
~ Hallum 4-12-1733
6 Ritske Gerrits
~ Hallum 25-3-1736
7 Ritske Gerrits
~ Hallum 27-7-1738
8 Tjitse Gerrits
(postúm: Memerda) ~ Hallum 6-9-1739;
x 1 Hallum 18-8-1776 Minke Wiltjes
x 2 Hallum 18-11-1789 Yttje Wiegers Hellema
Bern út it earste boask:
1 Jantje Tjitzes Memerda
~ Hallum 12-4-1778
2 Tjietske Tjitzes Memerda
~ Hallum 18-4-1779;
x Sipke Tjeerds Hoogpterp; boer ûnder Rinsumageast
3 Antie Tjitzes
~ Hallum 3-3-1782
4 Gerrit Tjitzes Plantinga
~ Hallum 14-3-1784
Bern út it twadde houlik:
5 Wyger Tjitzes Memerda * 1811;yn 1839 arbeider te Ljouwert, yn 1844 dêr keapman;
x Jantje Egberts Gaykema (ek: Gaikema; Jantsje kin net skriuwe)
6 Grietje Tjitzes Memerda;
x Dirks Mients Veldstra, arbeider te Aldtsjerk
7 Pieter Tjitzes Memerda, te Aldtsjerk
8 Wytske Tjitzes Memerda;
x Pier Baukes Lettinga, boer op it Stienzer Aldlân
9 Doeke Tjitzes Memerda, boer te Boarnwert en Rinsumageast, komelker ûnder Wânswert;
x Baukje Dirks Boonstra
10 Jan Tjitzes Memerda, kleanmakker te Hallum, Ferwert en Wânswert
11 Tjerk Tjitzes Memerda, boerefeint te Jannum
12 Lykle Tjitzes Memerda * Hallum; yn 1837 arbeider te Jannum; yn 1840 sûnder berop te Stiens; sûnt syn twadde houlik boer te Froubuorren;
x 1 Dantumadiel 15-5-1837, 31 en 23 jier, Klaaske Klazes Reitsma * Reitsum; by trouwen sûnder berop ûnder Rinsumageast; dr fan Klaas Abes Reitsma en Dieuwke Piers de Groot, yn 1837 bouboeren ûnder Rinsumageast;
x 2 It Bilt 9-4-1840, 34 en 38 jier, Rinske Tækes Boersma * Hallum; yn 1840 boerinne te Froubuorren; yn 1861 boerinne te Hilaard, yn 1865 dêr sûnder berop; dr fan Tæke Tysses en Ytje Oenes
Rinske x 1 Gerben Jans Dokter †  21-3-1837; boer te Froubuorren
9 Pijter Gerrits ~ Hallum 17-6-1742
10 Eelkjen Gerrits
* Hallum 21-5-1744 ~ dêr 2-4-1747 † Waaksens, Westdongeradiel, 15-6-1816, 72 jier; bouboerinne te Waaksens;
x Beernt Alberts; bouboer te Waaksens  
11 Wytske Gerrits
* Hallum 11-6-1747 ~ dêr 30-4-1752

GENERAASJE II
II.A Andries Pieters
x Baukje Jans
Bern:
1 Pieter Andries

2 Gribbert Andries Andree, folget III.A
3 Jan Andries Andree
(ek: Andreæ, Jan tekenet sels: Andree) * Ferwert 12-3-1775 † Hallum 19-5-1842, hûsnr 91, 67 jier; yn 1811-’12 boer te Hallum; yn 1814, ’15, ’19 en by ferstjerren dêr gernier (nr 108);
x Maaike Abes Hijma * Westernijtsjerk [?] omstrings 1782 † Hallum 27-7-1823, 41 jier; gernierske te Hallum; dr fan Abe Heins Hijma en Renske Jans, te Westernijtsjerk

III.A Gribbert Andries Andree (ek: Andræae, Andreae, Andre) * Ferwert [?] omstrings 1768 † Hallum 12-6-1809, 41 jier; gernier te Hallum; by ferstjerren dêr húsman;
x 1 30-6-1793, hy fan Ferwert, sy fan Stiens, nicht en neef, Ymkje Ritskes (II.2.1) † Hallum -6-1796, yn ’t kreambêd fan Ymke

x 2 Klaaske Douwes Hellinga; gernierske te Hallum, ferkeapet dêr yn lân; yn 1834 sûnder berop te Aldsyl;
Klaske x 2 Bauke Gelts Zanstra; yn 1827 arbeider te Froubuorren
Bern út it earste boask:
1 Ritske Gribberts
* Hallum 6-5-1794 ~ dêr 24-6-1794
2 Ritske Gribberts
* Hallum 20-6-1795 ~ dêr 22-8-1795
3 Ymke Gribberts
* Hallum 14-10-1796 ~ dêr 27-11-1796

Bern út it twadde houlik:
4 Andries Gribberts * Hallum 12-10-1801 ~ dêr 8-11-1801
5 Douwe Gribberts
* Hallum 29-9-1803 ~ dêr 23-10-1803 † dêr 28-1-1808, 4 jier 
3 Baukje Gribberts Andræ,
 * Hallum 30-9-1805 ~ dêr 3-11-1805 † dêr 11-1-1846, hûsnr 102, 40 jier; wennet yn 1827 te Froubuorren; by trouwen faam te Hallum
x Ferwerteradiel 12-5-1831, 25 en 37 jier, KLaas Baltus Bousma (ek: Bouwsma, Klaas tekenet sels: Bousma) * Hallum omstrings 1794; by trouwen en dêrnei keapman te Hallum; sn fan Baltus Klases en Greetje Klases
5 Katrina Gribberts Andree (ek: Catharina) * Hallum 4-4-1808 ~ dêr 1-5-1808 † dêr 21-8-1877, 69 jier; Katrina kin net skriuwe; yn 1827 arbeidster te Froubuorren; by ferstjerren sûnder berop te Hallum;
x Ferwerteradiel 15-5-1834, 26 en 31 jier, Kornelis Jans Holwerda * Hallum omstrings 1803; by trouwen en dêrnei gernier te Hallum; sn fan Jan Sakes Holwerda en Lijsbeth Kornelis Dijkstra, gerniers te Hallum

Klaske Douwes nimt yn 1811 de namme Hellinga oan, foar harsels en de beide bern Baukje en Catharina, mar dy neame har letter Andreæ, yn ferskillende farianten:

II.2 Ritske Pieters * Hallum (dêr net doopt); boer op it Aldlân ûnder Stiens (hûsnr 174, benoarden en eastlik fan en oan de Hijumer Feart, by de Gernaarder Kleasterbrêge; 46 pûnsmiet)
x Aldtsjerk (mei attestaasje fan Hallum) 17-5-1761, hy fan Hallum, sy fan Aldtsjerk, Janke Klazes; dr fan Claes Jetzes, Mr kuper te Aldtsjerk, en Ymkje

§ NIET GAARNE DEZER WERELD WILLEN OVERLIJDEN
Gerryt Piters Fierstra nimt yn syn oantekeningen ek it testamint op fan syn pake Ritske Pieters, dat begjint sa:
Ritske Pijtters, huisman onder Stiens, in overweginge nemende de zekere Uure des gewissen doods, heb niet gaarne dezer Wereld willen overlijden zonder alvorens deze mijne begeerte met overleg en toestemming mijner kinderen op dato dezes te hebben gemaakt waarbij ik begere dat de geheele boerderij van vee, levende have, boere gereedschappen, meubelen en huisgeraden niets Exampt Sampt alle losse te goede hebbende gelden en alle losse schulden mitsgaders het leggende geld, zal keren en komen aan mijn Zoon en Dochter Pijter en Klaaske Ritskes /…/
Gerryt beskriuwt de pleats fan syn pake krekt:
Deze zathe en landen werd toen verhuurd voor de grootte van 46 pondematen, zoodat het schijnt dat het hornleger (hoewel kleiner dan tegenwoordig) toen voor 4 pondematen gerekend werd, iets dat in dien tijd, en ook later, geennzins ongewoon was, daar de hornlegers toen meestal voor veel te groot gerekend werden, ja zomtijds wel tienmaal zoo groot als ze werkelijk waren.
De huisinge bestond vroeger uit twee kamers met de bedsteden in het midden en daaronder de kelder; later is het bunhuis [binhús=opkeamer fan in kop-hals-romp] of voorste kamer weggebroken en de gevel tot aan de kelder teruggebracht.

De schuur was klein, er konden slechts 60 à 70 wagens hooi in geborgen worden. In het groot koehuis was stalling voor 16 runderen en in het klein koehuis voor 4 runderen en 2 paarden.
Sjoch fierder oer dizze pleats:
Oantekeningen Gerrit Pieters Fierstra II – side 18; tekst fan Ritske Piters syn testamint op side 22 
Bern:
1 Ymkje Ritskes
~ Stiens 10-10-1762
x har neef Gribbert Andries (II.1.3.)
2 Trijntje Ritskes
~ Stiens 31-7-1763 † 6-2-1817, 52 jier
x Rienk Johannes; te Koarnjum
3 Pieter Ritskes, folget III.1
4 Tjitske Ritskes
~ Stiens 1-7-1770; 
x Piebe Eeltjes Berghuis; boer ûnder Aldtsjerk, fuort by Bartlehiem
Gerryt Fierstra skriuwt: /…/Het was toen een huis waarin bij de weg de woning en in het ander eind het koehuis, met een hooiberg aan de zijde; vandaar Piebe Eeltjes zijn naam of tijtel Berghuis.
5 Klaaske Ritskes
† 1798; 
x Jan Hiddes Hiddema * Hallum † dêr 30-9-1827; gernier te Hallum; by syn ferstjerren ferfalt Klaske har fruchtgebrûk ( f 1.372,52) oan har erfgenamten, ûnder oaren har broer Piter

GENERAASJE III
III.1 Pieter Ritskes Fierstra * ûnder Stiens 14-12-1766 ~ dêr 9-8-1767 (neffens opjefte fan Gerrit Pieters Fierstra (IV.2) † Stiens 21-10-1833, hûsnr 174, hast 66 jier; húsman/boer op it Stienzer Aldlân ûnder Hijum; Piter keapet op 27-2-1816 ûnder Stiens noch in sate en lân derby;
x Stiens 1-12-1795, 28 en 17 jier, achterneef en nicht, hy fan Stiens, sy fan Hallum, Jantje Tjitzes Memerda * Hallum 20-2-1778 ~ 12-4-1778 † Stiens 11-4-1860, 82 jier; boerinne ûnder Stiens; erft fan har man in fjirde part yn eigendom en in fjirdepart yn fruchtgebrûk; dr fan Tjitse Gerrits Memerda (I.2.8) en Minke Wiltjes (ek, by fersin: Melles), bouboeren op Grut Memerda op ’e Sudermieden ûnder Hallum
Jantsy wurdt ek wol Plantinga neamd, bygelyks yn ’e stjerakte fan har dochter Ymkje
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hellema – III.2.2

§ PITER SIL TENEI DE NAMME FIERSTRA FIERE
Piter Ritskes nimt op 28-12-1811 de namme Fierstra oan. Yn ’e Boargerlike Stân wurdt ek wol Vierstra skreaun, Piter en de bern tekenje sels Fierstra.
Yn 1811 litte fjouwer famyljes har registreare as Vierstra, te witten: Anne Meyntes te Drylts, Hendrik Meyntes te Ysbrechtum, Jan Meintes te Easthim en Symon Meintes te Wytgaard.  

Bern:
1 Ritske Pieters Fierstra, folget IV.1
2 Minke Pieters Fierstra
(ek: Menke; en: Vierstra) * Stiens 1-9-1798 ~ dêr 16-9-1798 † dêr 21-11-1858, 60 jier; by trouwen sûnder berop te Stiens; bouboerinne ûnder Hallum (hûsnrs 165, 167);
x Ljouwerteradiel 8-5-1824, beide 25 jier, Freerk Sybes Roorda * Stiens 1-3-1799 ~ dêr 21-4-1799 † Hallum 19-7-1841, hûsnr 167, 42 jier; by trouwen boeresoan te Stiens; bouboer ûnder Hallum; sn fan Sybe Freerks Roorda en Lipkje Doekes Siderius (ek: Lipkjen), húslju op it Aldlân ûnder Stiens
Gerryt Pieters Fierstra jout in opjefte fan Uitgaaf ten behoeve van de Erffen van de Weduwe Freerk S. Roorda te Stiens, sjoch:Oantekeningen Gerrit Pieters Fierstra I – side 18
Sjoch: Johannes Woudstra, Siderius – de Familie en het Handschrift, eigen behear, Ingelum, 2002, side 103  
3 Janke Pieters Fierstra
* Stiens 13-9-1801 ~ dêr 16-9-1801 † 14-6-1862, hûsnr 25, 60 jier; by trouwen sûnder berop te Stiens; bouboerinne op it Ingelumer Nijlân ûnder Ingelum;
x Ljouwerteradiel 10-5-1821, 19 en 29 jier, Yede Joukes Miedema (ek: IJede; yn akten meastentiids: Yde; skriuwt sels: Yede) * Stiens 15-12-1791 ~ dêr 15-1-1792 † Ingelum 19-4-1839, hûsnr 27, 47 jier; by trouwen boeresoan te Stiens; bouboer op it Ingelumer Nijlân ûnder Ingelum (benoarden de Tsjessingadyk; eigner: Assuerus Quæstius, Dronryp; sn fan Jouke Gerbens Miedema en Maaike Jelmers Stapert, húslju oan it Lytsedykje ûnder Stiens
Yn 1815 hat Yede as pleatsferfanger foar de Militêre Tsjinst Ulbo Klaas Bouma, timmerman de Stiens (Kanton Ljouwert, lichting 2, lot 19);
Janke en Yde hiere sate en lân fan Jonker Philip Ernst Assuerus Vegelin van Claerbergen te Reduzum, yn 1835 foar f 600,00 yn ’t jier
Sjoch:
-foarâlden Fierstra, Miedema: Erfgoed Fundaasje – Kertiersteat Anneke Bouma – nr 53 en fierder
-J. Visser, Familia Stapertica Perantiqua – Genealogie Stapert in verleden en heden, Genealogysk Jierboekje 1955, Fryske Akademy, Ljouwert 1955, side 35 VIII, Maaike is in dochter fan Jelmer Jacobs en Sytske Jacobs Stapert, se wurdt dêr net neamd
-foar ierste foarâlden: Parenteel Stapert
4 Tjitse Pieters
* Stiens 10-4-1804 ~ dêr 6-5-1804 † dêr 18-5-1805, 1 jier; ferdronken yn ’e Hijumerfeart foaroer de âlderspleats
5 Tjitske Pieters * Stiens 16 of 18-4-1806 ~ dêr 18-5-1806 † dêr 1-12-1806, 7 moanne
6 Tjitske Pieters * Stiens 16-10-1807 ~ dêr 15-11-1807 † dêr 19-3-1811, 4 jier
7 Tjitse Pieters Fierstra
* Stiens 22-1-1811 † Jelsum 1-3-1860, hûsnr 29, 49 jier; by trouwen bouboer te Stiens; dêrnei komelker en gernier te Hallum, Hijum en Bitgummole; sûnt 1855 greidboer op it Aldlân ûnder Jelsum (eigner: Ritske Tjeerds Velstra, te Ljouwert);
x Ljouwerteradiel 3-5-1838, 27 en 23 jier, Akke Sakes Elzinga * Burdaard 14-7-1814 † Stiens 19-6-1880, hûsnr 45, 66 jier; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Stiens; dr fan Sake Sybes Elzinga, arbeider te Burdaard, en Trijntje Joukes Miedema (Tryntsy kin net skriuwe)
Akke x 2 Ljouwerteradiel 11-5-1864, 49 en 58 jier, Johannes Willems Tullener * Ljouwert 21-3-1806 † Jelsum 21-5-1890, hûsnr 45, 89 jier; by earste boask ‘zonder bepaald beroep’ by syn mem, as widdo kastleinske ûnder Jelsum, dêrnei keapman te Jelsum; yn 1856, ’62 en by twadde houlik dêr boer en kastlein, dêr letter rintenier (hûsnr 45); sn fan Willem Johannes Tullener en Ytske Pieters van den Akker (ek: Jitske), kastleinen te Jelsum (hûsnr 66);
Jehannes x 1 Ljouwerteradiel 14-5-1834, 28 en 23 jier, Jitske Alberts Boersma * ûnder Ljouwert omstrings 1811 † Jelsum 3-4-1861, hûsnr 66, 50 jier; by trouwen sûnder berop te Winsum; dr fan Albert Jans Boersma en Eeke Sybrens Andringa, boeren ûnder Ljouwert (hûsnrs 23P, P2), Albert yn 1834 sûnder berop te Britsum, letter te Koarnjum
8 Ymkje Pieters Fierstra * Stiens 28-2-1814 † dêr 16-12-1814, hûsnr 174, 41 wike
9 Gerrit Pieters Fierstra, folget IV.2

10 Klaas Pieters Fierstra, folget IV.3
11 Ympkje Pieters Fierstra (yn berte-akte Ympkje, yn stjerakte Ymkje) * Stiens 22-7-1821 † dêr 24-10-1824, hûsnr 71, 3 jier

§ PITER RITSKES KEAPET PLEATS
Piter Ritskes keapet op 24-9-1813 syn hierpleats, de sate en lân (56 pûnsmiet) op it Stienzer Aldlân fan Abe Cornelis Bakker foar f 9.400,00. Hy keapet der fierders noch lân by.
Sjoch: Oantekeningen Gerrit Pieters Fierstra II
– side 28
Piter hat yn 1832 yn eigendom ûnder Hallum (Kadaster 1832; Minútplan Hallum; E3 Seksje E, Lizzer 320):

  • Perseelnr Yn gebrûk as Oerflakte m² Klasse Belesting
    294 Greide 14580 5  
    295 Greide 27130 3/4  
    296 Wettermole en hiem 144 1  
    318 Greide 39120 2  
    319 Greide 12490 2/3  
    320 Greide 13760 2/3  
    321 Greide 16600 3/4

  • Piter Ritskes hat yn 1832 yn eigendom ûnder Hijum (Kadaster 1832; Minútplan Hijum A2; Seksje A, Lizzer 94):

    Perseelnr Yn gebrûk as Oerflakte m² Klasse Belesting
    741 Moestún 880 1  
    742 Hôf 1610 1  
    743 Hûs en hiem 220 1 18
    744 Greide 25520 3  
    745 Wettermole en hiem 280 1  
    746 Greide 38900 3  
    747 Greide 11450 2  
    748 Greide 3690 4  
    749 Greide 29970 4  
    750 Greide 30940 3  
    751 Greide 20080 3

Erflitters fan Piter Ritskes Fierstra, man fan Jantsje Tjitses Memerda, ferkeapje op 4-6-1860 oan Doeke Jacobs Deinema, te Hallum; Pieter Ydes Miedema, te Ingelum; Klaas Pieters Fierstra, te Boarnwert; Gerrit Pieters Fierstra, te Stiens; Gæle Gæles Hoekstra, te Stiens en Syds Tjeerds Boelstra, te Stiens, perselen boulân ûnder Hallum en Stiens; keapsom: f 22.338,00; notaris Johannes Adam Schaaff, Stiens; Notarieel Argyf; Repertoire: 128039; Minút-akten 1860, argyfnr 26, ynvintarisnr 128031, aktenr 00051

Ljouwerter Krante, 9-3-1860:

GENERAASJE IV
IV.1 Ritske Pieters Fierstra * Stiens omstrings 1796 ~ dêr 23-10-1796 † Bitgum 3-8-1841; op 29-5-1825 mei Antsje op belidenis oannommen te Bitgum; by trouwen boerefeint te Stiens; bouboer te Bitgum;
x Menameradiel 4-5-1822, 25 en 30 jier, Antje Jelles Bottinga * Wyns 2-3-1792 † Bitgum 8-1-1881, 89 jier, [] Bitgum, rigel 8, grêf 18; by trouwen sûnder berop te Wyns; yn 1843 te Hallum; bouboerinne te Bitgum; wennet op ’e âlde dei yn by har soan Thomas-en-dy te Bitgum; dr fan Jelle Thomas Bottinga en Willemke Tjerks, húslju oan ’e Dokkumer Ie ûnder Wyns (hûsnr 1), Jelle stiet by syn ferstjerren mei 87 jier yn 1839 yn ’e Boargerlike Stân noch as boer te boek

§ TWA GENERAASJE OP BUMA STATE
Buma state of Dykster state op Dyksterhuzen ûnder Bitgummole dêr’t twa generaasjes Fierstra op buorkje: Ritske Piters en Anne Jelles Bottinga en soan Thomes mei Pytsy Jans Roorda, dy oant 15-4-1896; 1-5-1896 komme op dizze pleats Jan Baukes van der Weg en Klaaske Steenmeijer:

plaatje22
Ljouwerter Krante, 2-5-1854:

Ljouwerter Krante, 11, 14 en 21-1-1881:

Bern:
1
Jantje Ritskes Fierstra * Bitgum 11-3-1823 † -6-1908, 85 jier, [] Bitgum, rigel 18, grêf 18; lid Dames Commissie Nuttige Handwerken te Bitgum; Jantsy en Thomes wurde te Bitgum as lidmaat befestige op 23-4-1848;
x Menameradiel 31-5-1848, 28 en 25 jier, Thomas Foppes Dijkstra * Bitgummole 12-7-1819 † dêr 7-3-1893, 73 jier, [] Bitgum, rigel 18, grêf 18, grêf 17; gernier, letter boer op ’e Pôle op Grut Alsert te Bitgummole; tsjerkfâd; lid Zetterscollege (=belesting-advyskommisje); kommittearde en bestjoerslid wetterskippen De Beetgumer Nieuwlands Polder en De Engelumer Polder; sn fan Foppe Thomas Dijkstra en Ybeltje Hendriks van der Meulen, gerniers te Bitgummole
Sjoch: Familiepraat

Op 17-8-1893 is der in boedelskieding oangeande Foppe Thomas Dijkstra (troud mei Maartje Gerbens Brouwer) en Antje Thomas Dijkstra (troud mei Gabe Jacobs Rolsma) bern fan Thomas Foppes Dijkstra en Jantje Ritskes Fierstra; it oanbelanget ûnreplik guod te Bitgum; wearde: f 31.428,00

§ FIIF GENERAASJES OP GRUT ALSERT
Grut Alsert, dêr’t Jantsy Ritskes Fierstra en Thomas Foppes op buorkje.
De pleats wurdt yn 2020 noch troch deselde famyljes bebuorke, yn opfolgjende fiif generaasjes: Jantje Ritskes Fierstra x Thomas Foppes Dijkstra > Foppe Thomas Dijkstra x Maartje Gerbens Brouwer > Thomas Foppes Dijkstra x Fetje Steffens Gerbranda > Trijntje Thomas Dijkstra x Johannes Arjens Hoogland > Piter en Roelof Johannes Hoogland


2 Willemke Ritskes Fierstra * Bitgum 8-8-1824 † Bitgummole op Dyksterhuzen 9-9-1858, hûsnr 105, 34 jier, [] Bitgum, rigel 7, grêf 19; by trouwen sûnder berop te Bitgum, by ferstjerren dêr gernierske; Willemke en Auke wurde te Bitgum as lidmaat befestige op 23-4-1848;
x Menameradiel 12-5-1847 Auke Johannes Osinga * Menaam 18-8-1820 † Bitgummole op Dyksterhuzen 9-8-1855, hûsnr 105, 35 jier, [] Bitgum, rigel 7, grêf 18; by trouwen arbeider te Bitgum, by ferstjerren gernier en komelker op Dyksterhuzen; Auke lit in saldo nei fan f 2.928,03, iennich testamintêr erfgenamt is Willemke, de binne gjin bern; sn fan Johannnes Sjoerds Osinga en Sytske Doekeles Tolsma, eigenerfde húslju ûnder Menaam (hûsnr 142)
3 Tjitske Ritskes Fierstra * Bitgum 22-9-1825 † dêr 3-10-1881, 56 jier, [] Bitgum, rigel 40, grêf 2; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Bitgum; 
x 1 Menameradiel 8-5-1850, 24 en 25 jier, Sjoerd Baukes Jouwsma (ek: Jousma, tekenet sels: Jouwsma) * Bitgum 29-3-1825 † dêr 11-8-1864, (hûsnr 68), 39 jier, [] Bitgum, rigel 40, grêf 2; by trouwen. yn 1857 en by ferstjerren Mr timmerman te Bitgummole; yn 1851 dêr winkelman; sn fan Bauke Jans Jousma (ek Jouwsma, tekenet sels: Jousma), yn 1812, ’17, ’22 gernier te Bitgum, yn 1824 dêr fjildwachter (hûsnr 62), en Maaike Sjoerds Fopma, yn 1828 komelkster te Bitgum, yn 1832 dêr gernierske, yn 1842 dêr winkelfrou;
x 2 Menameradiel 1-12-1870, 45 en 40 jier, Gerrit Buisman Rzn * Blokzijl, Oerisel, 14-5-1830 † Bitgum 11-3-1914, 83 jier, [] Bitgum, rigel 5, grêf 10; Doopsgesind; bakker, komt Alde Maaie 1855 út Bloksyl yn Bitgum, dêr sûnt bakker (hûsnrs 9k, 3, 3a, 4), ferkeapet op 2-11-1912 syn bakkerij (keapsom: f 3.234,00); dêrnei sûnder berop (hûsnr 329); yn 1892 taksateur fan ûnreplik guod; sn fan Ragger Willems Buisman, skipper en keapman te Bloksyl, en Grietje Gerrits Mastenbroek;
Gerrit x 1 Maaike Klazes Wassenaar * Bitgum 21-4-1833 † dêr 20-2-1870, hûsnr 9, 36 jier, [] Bitgum, rigel 5, grêf 10; dr fan Klaas Obbes Wassenaar, bakker te Bitgum, dêr ek tsjerkfâd, bakker te Dronryp, en Trijntje Sjoerds Koopal, bakkerinne te Bitgum en Dronryp
Sjoch:
-W.Tsj. Vleer, De Friese Wassenaars, Het Wassenaar Comité, 1963
-Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal – V9.1 
4 Pieter Ritskes Fierstra, folget V.1
5 Jelle Ritskes Fierstra, folget V.2
6 Thomas Ritskes Fierstra
* Bitgum 23-6-1830 † dêr 8-9-1833, hûsnr 87, 3 jier 
7 Ymkje Ritskes Fierstra
* Bitgum 19-2-1832 † dêr 6-5-1832, hûsnr 89, 11 wike
8 Libbenleas jonkje Fierstra *-† Bitgum 17-9-1833
9 Thomas Ritskes Fierstra, folget V.3
Ljouwerter Krante, 7 en 14-9-1855:

Ljouwerter Krante, 9-9-1858:

Ljouwerter Krante, 5-10-1881:

Ljouwerter Krante, 12 en 14-3-1914:

IV.2 Gerrit Pieters Fierstra * Stiens 13-7-1816 † dêr 11-7-1897, hûsnr 270, 80 jier, [] Stiens; Gerrit en Sjoukje wurde op 16-5-1841 op belidenis as lidmaten oannommen te Stiens; by earste boask en yn 1851 boer te Stiens (hûsnr 1) by syn mem op ’e pleats; yn 1842, ’54 dêr komelker en gernier (hûsnrs 1, 174); nei it ferstjerren fan syn mem yn 1860 bouboer op syn âlderspleats op it Stienzer Aldlân ûnder Hijum (33 hektare, Gerryt en syn broer Klaas binne eigners; Seksje A, nrs 748, 750, 751; Seksje E nrs 318, 339, 320); yn 1876, ’82, ’86 dêr sûnder berop (hûsnr 244);
x 1 Ljouwerteradiel 22-4-1841, 24 en 22 jier, Sjoukje Abrahams Swart (ek: Sjouwkjen) * Dronryp 26-5-1818 † Stiens 15-9-1842, hûsnr 1, 24 jier, [] Stiens; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Stiens; dr fan Abraham Sjoukes Swart, yn 1841 sûnder ‘bepaald beroep’ te Stiens, en Aaltje Sybes Hoekstra, bouboeren te Dronryp, sûnt 1820 oan ’e Hegedyk ûnder Stiens; Sjoukje lit in saldo nei fan f 2.029,54;
x 2 Ljouwerteradiel 22-5-1851, 34 en 30 jier, Aaltje Abrahams Swart * Stiens 22-6-1820 † dêr 27-4-1854, hûsnr 174, 33 jier, [] Stiens; by trouwen en ferstjerren sûnder berop te Stiens; suster fan Sjoukje; Aaltsy lit in saldo nei fan f  3.900,85;
x 3 Ljouwerteradiel 24-7-1872, 56 en 31 jier, op houlikse betingsten, Dieuke Jaspers Steeringa (ek: Steringa) * Holwert 17-10-1841 † Assen 27-5-1924, 83 jier; by trouwen sûnder berop te Stiens; ferhuzet op 24-7-1872 út Feinsum nei Stiens; yn 1906 dêr sûnder berop; yn 1919 idem te Ljouwert; dr fan Jasper Lurks Steeringa, yn 1836 skipper te Holwert, yn 1840 dêr keapman, yn 1869 dêr arbeider, yn 1872 dêr keapman en winkelman, en Renske Gerrits de Graaf
Gerrit Piters lit twa ego-dokuminten nei oer syn famylje en bedriuw, sjoch:  Oantekeningen Gerrit Pieters Fierstra I en Oantekeningen Gerrit Pieters Fierstra II

§ DE LIEFDE OFFERT GAARNE EIGEN WENSCHEN
Gerryt Piters Fierstra ferliest syn earste frou Sjoukje mei in libbenleas famke yn ’e kream yn 1842 en yn 1854 syn twadde frou Aaltsje.
Hy skriuwt:

Wij hebben ons als koemelker en gardenier gevestigd te Stiens in de huisinge No. 1 aldaar, /…/Den 15 September 1842 is Sjoukje Abrahams Swart (na dat zij den 12 Septmeber ontijdig van een levenloose dochter bevallen was) overleden in den ouderdom van 24 jaren en 3 maanden en 20 dagen.
Ik heb in Mei 1843 de huishouding weder opgegeven en ben toen tot mijn moeder terug gekeerd.
Ik ben den 22 Mei 1852 gehuwd met Aaltje Abrahams Swart, /…/ opvolgende zuster van mijn eerste vrouw. Wij zijn toen bij mijn moeder blijven inwonen. 
Ljouwerter Krante, 2 en 5-4-1854:

Gerryt skriuwt in wike nei Aaltsje har begraffenis yn syn deiboek, 8-5-1854:
Onze Predikant den Wel Eerwaarden Heer Hinderikus Teunis van Berkum had den eersten zondag daarop volgende zijn text gekozen uit het Evangelie van Johannis, hoofdst. 14 /…/
Onze leeraar sprak naar aanleiding van den text over den dood van geliefde betrekkingen, die in den Heere gestorven waren.
a. De liefde verblijdt zich in het heil des geliefden.
b. De liefde offert gaarne eigen wenschen aan het voordeel des geliefden.
c De liefde vertrouwt zich aan de leiding des hemelschen vaders.
d. De liefde troost zich met de hope des wederziens.
Sjoch: Oantekeningen Gerrit Pieters Fierstra II– side 27

Ljouwerter Krante, 12, 13 en 16-7-1897:

Bern út it earste boask:
1 Libbenleas famke Fierstra
*-† Stiens 12-9-1842
Bern út it tredde houlik:
2 Pieter Gerrits Fierstra * Stiens 12-5-1873 † dêr 31-3-1876, 2 jier
3 Rinske Gerrits Fierstra (ek: Renske) * Stiens 27-9-1874 † Hilversum 16-8-1961, Gijsbregt van Aemstelstraat 326a, 86 jier, [] Hilversum, Noorderbegraafplaats; by trouwen sûnder berop te Stiens;
x Ljouwerteradiel 26-3-1898, 23 en 26 jier, Jan Pieters van der Herberg * Ænjum 13-10-1871 † Hilversum, Gijsbrecht van Aemstelstraat 326a, 6-2-1933, 61 jier, [] Hilversum, Noorderbegraafplaats; by trouwen ûnderwizer te Stiens; sn fan Pieter Jans van der Herberg en Antje Feddes Sonnema, gernieren te Ænjum
4 Pieter Gerrits Fierstra * Stiens 7-10-1876 † dêr 8-7-1877, 9 moanne
5 Pieter Gerrits Fierstra
* Stiens 12-11-1877 † dêr 9-7-1878, hûsnr 140, 7 moanne
6 Jantje Gerrits Fierstra * Stiens 8-2-1879 † Assen 18-7-1946, Wilhelminastraat 2, 67 jier, [] Assen, Zuiderbegraafplaats, Beilerstraat; by trouwen sûnder berop te Stiens;
x Ljouwerteradiel 14-5-1906, 27 en 30 jier, Andries Johan van Vemde * Kralingen 8-9-1875, Wyk E, 213, † Ermelo 9-12-1964, 89 jier, [] Assen, Zuiderbegraafplaats, Beilerstraat; by trouwen bûtengewoan opsichter te Terneuzen; yn 1910 arzjitekt te Wildervank, yn 1920 te Assen; sn fan Jan Dries van Vemde, opsichter te Stadskanaal, yn 1906 sûnder berop te IJmuiden, en Maria Helena Bernardus de Jaeger, yn 1906 sûnder berop te Apeldoorn
7 Janke Gerrits Fierstra * Stiens 17-10-1883 † Ljouwert, Mr P.J. Troelstrawei 74, 21-4-1963, 80 jier, [] Stiens; by trouwen sûnder berop te Stiens; bouboerinne ûnder St.Jabik;
x Ljouwerteradiel 5-5-1905, 22 en 23 jier, Douwe Harmens Bierma * Nijebiltsyl ûnder Froubuorren 1-11-1881 † Ljouwert 8-4-1951, 69 jier, [] Stiens; bouboer ûnder St.-Jabik; sn fan Harmen Jans Bierma en Maaike Douwes Bosch, bouboeren te Hjelbeam en te Nijebiltsyl ûnder Froubuorren
Sjoch:
-J.Y. Feenstra, Het geslacht Bierma,  Genealogysk jierboekje 1957, side 81
-Warrink, Genealogie Bierma – IV.U.i
8 Libbenleas famke Fierstra *-† Stiens 6-1-1886, hûsnr 244
Gerrit Pieters Fierstra keapet op 18-1-1888 fan syn omkesizzers Pieter Klazes Fierstra, te Stiens; Doeke te Hegebeintum, Gerrit, te Wurdum, Eeltje te Hallum, Klaas te Hallum en Tjitze Klazes Fierstra, fertsjintwurdige troch syn fâd en twadde heit Jan Oedzes Koorda te Jelsum, in hûs en lannen te Stiens en Hallum; keapsom: f 26.928,00′; notaris Johannes Adam Schaaf, Stiens; Notarieel Argyf; Repertoire 128077; Minútakten 1888argyfnr 26, ynvintarisnr 128062aktenr 02612

Grêven te Stiens:

IV.3 Klaas Pieters Fierstra (Klaas tekenet by earste houlik: Vierstra, by twadde en tredde: Fierstra) * Stiens 17-4-1819 † Stiens, Stienzer Aldlân 13-1-1869, 49 jier, [] Stiens; 17-10-1847 oannommen op belidenis as lidmaat te Stiens; by trouwen yn 1845 bouboer ûnder Stiens, dêrnei dêr gernier en bouboer; sûnt Alde Maaie 1850 bouboer ûnder Boarnwert (eigner: Jonker Mr Coert Lambertus van Beyma thoe Kingma, kantonrjochter te Dronryp); yn 1865 te Foudgum; sûnt 23-5-1867 idem op it Aldlân oan ’e Dokkumer Ie ûnder Jelsum (hûsnr 30, eigner Tjeerd Ritskes Velstra, feefokker te Ljouwert);
x 1 Ljouwerteradiel 22-5-1845, 26 en 21 jier, Tietje Pieters Brouwers * Stiens 9-9-1823 † dêr 3-1-1848, hûsnr 101, 24 jier, twa dagen nei har deaberne jonkje; by trouwen en ferstjerren sûnder berop ûnder Stiens; dr fan Pieter Pieters Brouwers, húsman op it Aldlân ûnder Stiens, earmfâd te Stiens, en Janke Johannes Boelstra, bouboerînne op it Stienzer Aldlân;
Sjoch Erfgoed Fundaasje – Genealogy Brouwers
x 2 Westdongeradiel 22-5-1851, 32 en 39 jier, Trijntje Aukes Andringa * Feinsum 14-9-1811 † Boarnwert 14-11-1852, yn ’e kream, jûns 8 oere, hûsnr 8, 41 jier; by trouwen faam te Boarnwert; dr fan Auke Harmens Andringa en Hiltje Keimpes Wierstra, gerniers te Wânswert, Nijewier, Feinsum en Stiens, Hiltsje wennet yn 1851 sûnder berop te Stiens;
x 3 Westdongeradiel 25-9-1856, 37 en 24 jier, ûnder houlikse betingsten, Trijntje Doekes Dijkstra * Driezum 30-6-1832 † Jelsum 14-2-1913, 80 jier, [] Stiens; by trouwen faam te Boarnwert; ferhuzet op 12-10-1871 út Stiens nei Jelsum mei har twadde man en de bern Piter, Gerryt, Eeltsy, Klaas en Tsjisse, is dêr greidboerinne; ferhuzet dêrwei nei Huzum (hûsnr 8) op Alde Maaie 1873 mei deselden en mei har soantsje Oeds Jans Koorda (* Jelsum 19-6-1872); ferhuzet dêrwei op Alde Maaie 1878 nei it Stienzer Aldlân ûnder Stiens (hûsnr 479B); se hâlde dêr boelguod op 1-5-1883 (sjoch de advertinsjes hjirûnder) en ferhúzje dêrwei Alde Maaie 1883 nei Jelsum (hûsnr 115); yn 1885 wenje se te Hallum, yn 1891 te Jelsum; dr fan Doeke Eeltjes Dijkstra, yn 1830 arbeider te Lichtaard en Rinsumageast, yn 1832, ’34 idem te Driezum, yn 1839, ’41, ’43 idem ûnder Ikkerwâld, yn 1843 dêr kreamer, yn 1856 dêr gernier, yn 1871 slachter (‘vleeschhouwer’) te Ikkerwâld, en Antje Klazes Pranger;
Tryntsje x 2 Ljouwerteradiel 12-1-1871, 39 en 34 jier, Jan Oedses Koorda * Oerterp 26-9-1837 † Jelsum 20-8-1918, 80 jier; by trouwen ‘zonder bepaald beroep’ te Oerterp, sûnt dan greidboer te Jelsum, Huzum en Stiens; sn fan Oeds Jans Koorda, skuonmakker te Oerterp, en Fimke Wobbes Beetsma
Ljouwerter Krante, 30-4-1883:

Ljouwerter Krante, 27-4-1883:

Bern út it earste boask:
1 Jantje Klazes Fierstra
* Stiens 27-10-1846 † Wyns 13-12-1928, 82 jier; ferhuzet op 15-6-1866 út Jelsum nei Froubuorren, dêr bouboerinne; Alde Maaie 1868 te Feinsum; sûnt Alde Maaie 1873 greidboerinne te Britsum (hûsnr 1); sûnt 3-6-1892 te Aldtsjerk;
x Eastdongeradiel 3-5-1865, 18 en 22 jier, op houlikse betingsten, Albert Douwes Mellema * Jistrum (Eestrum) 19-8-1842 † Britsum 25-3-1891, hûsnr 1, 48 jier; by trouwen komelker te Jistrum; sûnt Alde Maaie 1866 bouboer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren (eigner: Minne Jans Kuperus e.o.); sûnt 1873 greidboer te Britsum; sn fan Douwe Sybrens Mellema en Grietje Pieters Sytsema (yn akten ek: Sytsma, skriuwt sels: Sytsema), boeren te Jistrum
2 Libbenleaze jonge Fierstra
*-† Stiens 1-1-1848, hûsnr 101 (neffens opjefte fan Gerrit Piters Fierstra is it jonkje geboaren op 26-12-1847)
Bern út it twadde houlik:
3 Libbenleas famke Fierstra
*-† Boarnwert 14-11-1852, jûns 5 oere, hûsnr 8
Bern út it tredde houlik:
4 Pieter Klazes Fierstra, folget V.4

5 Doeke Klazes Fierstra
* Boarnwert 6-10-1859 † 18-4-1908, 48 jier; by trouwen sûnder berop te Stiens; ferhuzet dêrwei op 11-7-1881 nei Wânswert dêr bouboer, ek yn 1882;  yn 1883, ’87 bouboer te Stiens; yn 1888 idem op Feenstrahûs tusken Hegebeintum en Ferwert, Doeke en Janke hâlde dêr boelguod op 4 juny (sjoch de advertinsjes hjirûnder); se ferfarre -9-1895 dêrwei nei Grou, dêre is Doeke earst arbeider, letter winkelman (hûsnr 87); 24-6-1891 mei-oprjochter Koperative Suvelfabryk Ferwerteradiel; tsjerkfâd te Hegebeintum;
x Ferwerteradiel 21-5-1881, beide 21 jier, Janke Ulbes Noordenbos * Hallum 25-9-1859 † Huzum, Huzumerleane 229, 13-11-1923, 64 jier; by trouwen sûnder berop te Wânswert; dr fan Ulbe Annes Noordenbos, yn 1859, ’79 bouboer ûnder Hallum (hûsnr 322), yn 1881, ’88 idem te Wânswert, rintenier te Tytsjerk oant syn ferstjerren yn 1907, en Aafke Sybes Straatsma, oant har ferstjerren yn 1879 bouboerinne ûnder Hallum
Sjoch: Geneanet – Noordenbos
Doeke wurdt op 13-3-1879 keurd foar de Militêre Tsjinst en frijsteld fanwegen bruorretsjinst; sinjalemint: 1 Meter, 673 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: hoog; Oogen: blaauw; Neus: spits; Mond: ord[inair=gewoan]; Kin: rond; Haar: bruin; Wenkbraauwen: idem

6 Gerrit Klazes Fierstra, folget V.5

7 Eeltje Klazes Fierstra, folget V.6

8 Klaas Klazes Fierstra, folget V.7 
9 Tjitse Klazes Fierstra, folget V.8

§ FALLYT OP FEENSTRAHÛS 
Doeke Klazes Fierstra en Janke Noordenbos gean yn 1895 fallyt op Feenstrahûs ûnder Hegebeintum; it boelguod dat 2 maaie hâlden wurde sil, giet net troch. Ljouwerter Krante, 27 en
 31-5-1895:

Utstel fan eksekúsje. Ljouwerter Krante, 30-4-1895:

Skuldeaskers fan Doeke en Janke wurde op har fersyk oproppen om te ferskinen foar de Rjocher Kommissaris.
Ljouwerter Krante, 2-5-1895:

Twadde oankundiging, guon krediteuren hawwe har net oppeneard.
Ljouwerter Krante 11-5-1895:

It boelguod giet no toch troch, op 4 juny. Yn tsjinstelling ta maaie, sil no ek it goud- en sulver ferboelguodde wurde, en dat is guod út in begoedige boerestân. Sjoch ûnderoan yn ’e advertinsje.
Ljouwerter Krante, 27 en 31-5-1895:

De Doeke en Janke wolle net yn ’t kryt stean.
Ljouwerter Krante, 3-6-1895:


It gersgewaaks wurdt ek ferkocht.
Ljouwerter Krante, 3, 6 en 7-6-1895:

Alles moat fuort, koarn, hjouwer, grutte beane.
Ljouwerter Krante, 19 en 27-6-1895:

Ljouwerter Krante, 14 en 17-11-1923:

GENERAASJE V
V.1 Pieter Ritskes Fierstra * Bitgum 15-4-1827 † USA?; sûnt Alde Maaie 1857 bouboer op it Hoarslân ûnder Bitgum (in Schwartzenbergspleats); yn 1870 arbeider en gernier te Bitgum; de húshâlding ferfart Alde Maaie 1870 út Bitgum (hûsnr 13) nei St.-Anne, Piter is dêr gernier; idem op 19-5-1871 út St.-Anne nei Appelskea, dêr is Piter skipper, yn 1880 dêr greidboer; mooglik emigreard nei de USA
x Menameradiel 25-2-1857 Wilhelmina Busscher * Siddeburen 14-5-1834 † USA?; dr fan Remmo Busscher, medicinæ doctor en froedmaster te Bitgum, en Salomea Anna Katharina Braak
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Busscher
Bern:
1 Salomea Anna Catharina Pieters Fierstra
* Menaam 14-12-1857 † dêr 5-9-1862, hûsnr 100, 4 jier
2 Ritske Pieters Fierstra
* Menaam 4-2-1859 † dêr 23-8-1862, hûsnr 100, 3 jier 

3 Remmo Pieters Fierstra * Menaam 27-11-1860; yn 1880 skipper te Appelskea; mooglik emigreard nei de USA VI.1
Remmo wurdt op 9-3-1880 keurd foar de Militêre Tsjinst en frijsteld fanwegen gemis oan lingte; sinjalemint: 1 Meter, 477 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: laag; Oogen: bruin; Neus: gew[oon]; Mond: idem; Kin: spits; Haar: bruin; Wenkbraauwen: idem
4 Jelle Pieters Fierstra * Menaam 15-8-1862; mooglik emigreard nei de USA VI.2
5 Salomea Anna Catharina Pieters Fierstra
* Menaam 17-10-1863 † Buffalo, Noard Amearika [?]; ferfart op 19-2-1867 út Menameradiel nei Buffolo Noard Amearika mei har man en dochter Wilhelmina Antonette Petronelle Heslinga; Salomea wennet 28-6-1890 as widdo te Buffalo, Noard Amearika, se ferkeapet dan ûnreplik guod te Bitgum yn ’e mande mei har sibben Heslinga;
x 1 Eaststellingwerf 19-11-1880, 17 en 45 jier, Gerben Nannes Heslinga * Menaam 5-1-1835 † Buffalo, Noard Amearika [?]; arbeider by syn mem te Menaam (hûsnr 192a); ferfart 29-5-1866 nei Haarlemmermeer; by trouwen skipper te Appelskea; sn fan Nanne Gerbens Heslinga (tekenet: Heslenga) en Antje Sybrens Heslinga, gerniers te Menaam ûnder Bitgum (hûsnr 192a), Antsje wennet as widdo yn by har suster Joukje, widdo fan Willem Botes Timstra, te Bitgum (nr 72);
x 2 Noard Amearika, Henrey Dewitt 
6 Antje Pieters Fierstra
* Menaam 27-8-1864 † dêr 23-3-1867, 2 jier
7 Ritske Pieters Fierstra
* Menaam 12-8-1865 † dêr 15-6-1866, 9 moanne
8 Ritske Pieters Fierstra
* Menaam 24-2-1867 † Bitgum 8-1-1870, hûsnr 13b, 22 moanne

9 Antje Pieters Fierstra * Menaam 24-9-1868 † Bitgum 6-4-1870, hûsnr 13, 18 moanne
10 Antje Pieters Fierstra * Menaam 2-11-1870 † USA?

V.2 Jelle Ritskes Fierstra * Bitgum 14-8-1828 † dêr 7-12-1875, hûsnr 90, 47 jier; greidboer te Bitgum (hûsnr 14; nij nr: 90); by trouwen sûnder berop te Bitgum, by syn mem op ’e pleats tink; yn 1856 dêr gernier; yn 1858, ’60, ’63, ’66 dêr boer; yn 1870 dêr komelker; yn 1871 dêr greidboer; by ferstjerren dêr gernier; diaken te Bitgum;
x Menameradiel 9-5-1855, 26 en 22 jier, Antje Meiles van der Meulen * Blessum 14-4-1833 † Bitgum 9-5-1901, 68 jier, [] Bitgum, rigel 5, grêf 8; by trouwen sûnder berop te Blessum; gernierske te Bitgum; wennet yn by har dochter Pytsje-en-de-man te Bitgum oant Alde Maaie 1883; dr fan Meile Ypes van der Meulen en Pietje Annes de Jong, bakkers te Blessum
Jelle Ritskes keapet op 24-3-1858 fan Georg Frederik baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg op Groot Terhorne te Bitgum, in hûs mei skuorre, grûn en hiem te Bitgum; keapsom: f 1.500,00; notaris Cornelis Wiersma, Ljouwert; Notarieel Argyf 1858; Repertoire: 079084; Minútakten 1858. argyfnûmer 26, ynvintarisnr 079054, aktenr 05688

Fan Jelle Ritskes Fierstra is in sulveren tabaksdoaze bewarre mei de ynskripsje oan ’e binnenkant fan it deksel: J.R. Fierstar/1849;
by it gravearen is de achternamme der net krekt foar wei kommen. Lingte: 13,8 sm, breedte 8,2 sm, hichte: 2,0 sm
(yn ’e midden inkele sm’s mear). Foto: Jan Weistra, Bitgummole:

Bern:
1 Antje Jelles Fierstra * Bitgum 17-11-1856 † Frjentsjer, wenjend te Berltsum, 2-3-1938, 81 jier; ferhuzet 8-5-1879 yn Bitgum nei hûsnr 86; as widdo winkelfrou te Bitgum;
x Menameradiel 8-5-1879, 22 en 35 jier, Tæke Harmens Bijlsma * Bitgum 11-8-1843 † dêr 7-12-1894, 51 jier, [] Bitgum, rigel 39, grêf 3; earst Nederlâns Herfoarmd, letter gjin tsjerkegenoatskip; by earste boask en yn 1869 gernier te Bitgum; yn 1871 dêr keapman; keapet op 9-2-1874 in winkelhûs te Bitgum; by twadde houlik dêr gernier (hûsnrs 34, 4, 11); by ferstjerren dêr keapman; sn fan Harmen Tækes Bijlsma, yn 1868 gernier te Bitgum, yn 1879 dêr skuonmakker (hûsnr 34), sûnt 15-4-1865 te Menaam, en Rinske Hotzes Scheltema;
Tæke x 1 Menameradiel 13-5-1868, 24 en 19 jier, Andrieske Klazes van der Vlag * Bitgum 21-3-1849 † dêr 4-8-1872, hûsnr 34, 23 jier, [] Bitgum, rigel 31, grêf 9; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Klaas Abes van der Vlag, yn 1848 gernier te Froubuorren, en Beitske Gjaltes van der Meer, yn 1849 kastleins te Bitgum, 1853 boeren te Froubuorren, letter gerniers te Bitgum (hûsnrs 121, 123)
Sjoch: Genealogy Bijlsma
2 Pietje Jelles Fierstra
* Bitgum 14-9-1858 † Bitgummole 14-1-1937, 78 jier, [] Bitgum, rigel 30, grêf 6; by trouwen sûnder berop te Bitgum; Pytsje en Jehannes ferfarre Alde Maaie 1882 nei Menaam; se binne greidboer te Bitgum (hûsnrs 178, 324); wenje yn 1914, ’17 te Bitgummole;
x Menameradiel 20-5-1880, 21 en 28 jier, Johannes Folkerts van der Wal * Bitgum 18-7-1851 † Bitgummole 16-7-1924, 72 jier, [] Bitgum, rigel 30, grêf 7; by trouwen keapman te Bitgum (hûsnr 381 bûten), letter dêr greidboer oant syn ferstjerren mei 72 jier; sn fan Folkert Johannes van der Wal, yn 1843, ’51 arbeider te Bitgum (hûsnr 71), yn 1844, ’46, ’49, ’52 dêr gernier, en Afke Ypes Kikstra (ek: Aafke)
3 Ritske Jelles Fierstra, folget VI.3
4 Meile Jelles Fierstra
* Bitgum 1-8-1863 † dêr 12-12-1863, hûsnr 14, 4 moanne
5 Meile Jelles Fierstra * Bitgum 22-9-1866 † dêr 29-11-1866, hûsnr 14, 2 moanne
6 Tietje Jelles Fierstra * Bitgum 25-7-1870 † dêr 4-4-1871, hûsnr 14, 8 moanne

§ IN TIENTSJE IS WAT WURDICH
As Pytsy yn ’e Hallumer herberch in glês molke straft, wurdt de beurs har ûntstellen; de dievin krijt fjirtjin dagen finzenis.

Ljouwerter Krante, ûnder it kopke RECHTZAKEN, 6-5-1896:

 

V.3 Thomas Ritskes Fierstra * Bitgum 26-9-1836 † Nijkerk, Gelderlân, 21-10-1898, 62 jier; by trouwen en yn 1862 sûnder berop te Bitgummole, by syn mem op ’e pleats; sûnt 1863 bouboer op Buma state op Dyksterhuzen (nij hûsnr: 177; âldnr: 101) ûnder Bitgummole oant 15-4-1896, dan ferhúzje Thomes en Pytsje nei de buorskip Bitgummole (hûsnrs 189 bûten, 327); se ferfarre 31-12-1896 dêrwei nei Nijkerk, Gelderlân, dêr is Thomas oant syn ferstjerren winkelman;  
x Menameradiel 1-5-1861, 24 en 20 jier, Pietje Jans Roorda * Stiens 13-4-1841 † Bitgummole 4-1-1927, 85 jier, [] Bitgum, rigel 7, grêf 19; by trouwen sûnder berop te Bitgum; bouboerinne op Buma; wennet by it ferstjerren fan har soan Piter yn 1918 te Amsterdam en letter by har dochter Richt-en-dy te Bitgummole; dr fan Jan Sybes Roorda en Rixtje Piers Lettinga (ek: Richtje, Rigtje), sûnt 1832 bouboeren te Stiens, sûnt 1842 idem te Ingelum, sûnt omstrings 1854 idem te Bitgum

§ FAN ’E ÂLDERSPLEATS ÔF
Thomes en Pytsy reitsje op Dyksterhuzen oan krapperein, se hâlde boelguod op 18-4-1896. Bûten fee en reau wurdt ek it húsrie ferboelguodde ynklusyf de Steatebibel, it goud- en sulverguod net.
Thomes wurdt winkelman – út it sicht fan ’e Bitgumers: yn desimber 1896 ferfarre se nei Nijkerk, Gelderlân.
Thomes ferstjert dêr. Pytsje komt yn Bitgum werom.
By Thomes syn fertigen ferlanget er dat gjin uterlike tekens fan rou droegen wurde sille. Trije fan syn bern en oare neie sibben binne him al foargongen en dat betsjut dat syn neisten al swiere rou drage. Mei syn begearen foarkomt er dat se foar jierren en jierren net wer út de swarte klean komme.

Ljouwerter Krante, 3 en 10-4-1896:

Ljouwerter Krante, 28-10-1898:

Bern:
1 Ritske Thomas Fierstra * Bitgum 19-2-1862 † [wêr?] 22-2-1889, 27 jier, [] Bitgum, rigel 8, grêf 17
2 Rigtje Thomas Fierstra * Bitgum 2-5-1863 † dêr 13-8-1863, 3 moanne
3 Jan Thomas Fierstra, folget VI.4
4 Pieter Thomas Fierstra * Bitgum 6-6-1867 † Ljouwert 6-12-1918, 51 jier; by trouwen timmerman te Bitgum; Piter en Pytsje ferhúzje Alde Maaie 1894 út Bitgum nei Menaam, dan is Piter timmerfeint; dêrwei 8-6-1900 nei Ljouwert; 30-5-1904 út Ljouwert nei Huzum (E 118a), dêr timmerman; 10-5-1906 nei Ljouwert (Eastersingel Q 12a ûnder; Eastersingel Q 76a; Klokstrjitte L 17 ûnder; Grutte Tsjerkestrjitte I 35);
x Menameradiel 21-5-1892, 24 en 29 jier, Pietje Ulbes Kuperus * Tsjom 24-4-1863 † Ljouwert 29-7-1918, 55 jier; by trouwen sûnder berop te Tsjom; komt 24-6-1892 út Tsjom yn Bitgum; dr fan Ulbe Wiegers Kuperus, grofsmid te Tsjom, en Rinsje Gerardus van der Velde (ek: Rinske; en: Gradus)
5 Rigtje Thomas Fierstra (ek: Rigstje, Rixtje) * Bitgum 5-7-1871 † dêr 24-1-1872, krapoan in healjier
6 Rigtje Thomas Fierstra * Bitgum 21-3-1873 † Burgum, wenjend te Bitgummole, 11-6-1942, 69 jier, [] Bitgum, rigel 7, grêf 9; by trouwen sûnder berop te Bitgum; Richt en Sipke wurde op har troudei útskreaun út Bitgum nei Nijkerk, Gelderlân, se wenje dêr oant omstrings 1902; de húshâlding komt op 25-5-1920 út Putten yn Bitgummole (hûsnrs 226, 225a), dêr kastleinen;
x Menameradiel 9-4-1896, 23 en 25 jier, Sipke Klazes van der Meij * Gytsjerk 29-12-1870 † Bitgummole 8-1-1945, 74 jier, [] Bitgum; earst gjin tsjerkegenoatskip, letter Nederlâns Herfoarmd; arbeider, komt Alde Maaie 1893 út Stiens yn Bitgum; komt 26-1-1894 út Bitgum yn Stiens; ferfart dêrwei 14-4-1894 nei Súdlaren; by trouwen bûtermakker te Nijkerk, Gelderlân; kafeehâlder en boekhâlder te Bitgummole; sn fan Klaas Sipkes van der Meij, timmerfeint te Bitgum (hûsnrs 2020 bûten, 185), en Maaike Gerks Dijkstra

§ KASTLEINS OP IN DROK PLAK
Richtsy en Sipke ha de earste premy te pakken by de ringriderij op 23-5-1895 te Bitgummole. Wat jierren letter sette se sels ringriderijen op: se wurde kastlein oan ’e drokke dyk troch Bitgummole. Dêr giet de tram lâns en hannelsreizgers allyksa, mar dy gean net foarby.

Ljouwerter Krante, 28-5-1895:

Mei de herberch, stalling en trochreed hawwe Richt en Sipke in moaie ynstruier. As de sekken mei ierdappels klear stean foar de tram, kin der even tuskentroch wol in slokje ôf.
Letter hyt dizze ûndernimming Groot Terhorne. Foto omstrings 1923; boarne: In slach om:

V.4 Pieter Klazes Fierstra * Boarnwert 11-6-1857 † Stiens 29-10-1911, 54 jier; by trouwen sûnder berop te Hegebeintum; wennet yn 1888 te Stiens, yn 1891 te Ferwert, komt dêrwei op Alde Maaie 1891 yn Stiens (hûsnr 30), dêr kastlein oant syn ferstjerren;
x Ferwerteradiel 8-5-1891, 33 en 31 jier, op houlikse betingsten, Baukje Hendriks Klazinga (Baye) * Ferwert 30-11-1859 † Ljouwert 19-5-1943, 83 jier; by trouwen sûnder berop te Ferwert; kastleinske te Stiens; ferfart as widdo op 10-5-1912 mei de bern nei Ljouwert (Poststrjitte 26e boppe; Baginestrjitte K45); dr fan Hendrik Folkerts Klazinga en Tytje Aans de With, yn 1859 kastleinen te Ferwert, yn 1891 dêr loazjeminthâlders
Bern:
1 Klaas Pieters Fierstra
* Stiens 3-3-1892 † dêr 27-4-1892, 8 wike
2 Tietje Pieters Fierstra
* Stiens 8-11-1893 † Wagenborgen, psychiatrysk ferpleechhûs Groot Bronswijk, 24-10-1970, 76 jier, [] Wagenborgen, Hoofdweg 120A; gjin tsjerkegenoatskip
3 Trijntje Pieters Fierstra * Stiens 24-11-1897 † Termunten, Grinslân, 19-12-1961, 64 jier; gjin tsjerkegenoatskip; by ferstjerren sûnder berop te Termunten
Ljouwerter Krante, 31-10 en 3-11-1911:

§ IN SWART STIK
Tytsje Fierstra komt om by in brân. Se ferstjert tagelyk mei Gelsina Bakker * 5-8-1890, 80 jier, Johanna Maria Brookelman * 21-10-1928, 42 jier, Elsiena Geitz * 30-12-1904, 65 jier en Geesina Hulskers * 5-9-1922, 48 jier. Foto: Online Begraafplaatsen:


Ljouwerter Krante, 26-10-1970:

V.5 Gerrit Klazes Fierstra * Boarnwert 8-5-1861 † Deinum 12-1-1940, 78 jier; tsjerkfâd te Deinum; bestjoerslid fan de Frieschen Bond van Hotel-, Café-, en Sociëteithouders; ferhuzet op 24-5-1878 út Stiens nei Wyns; yn 1888, ’90, ’94 greidboer oan ’e Ald Swichumerdyk by de Werp ûnder Wurdum, boelguod op 2-5-1895 (sjoch advertinsjes hjirûnder); dêrnei kastlein yn it Stasjonskofjehûs te Deinum (hûsnr 102); yn 1923 dêr sûnder berop (hûsnr 47);
x Ferwerteradiel 6-5-1886 Sieuke Folkerts Stienstra * Mitselwier 30-5-1866 † Deinum 27-6-1941, 75 jier, (Sieuke hat sels in ein oan har libben makke); dr fan Folkert Jans Stienstra en Klaaske Johannes Olivier, bouboeren ûnder Hallum
Gerrit wurdt op 15-3-1881 keurd foar de Militêre Tsjinst en oanwiisd; sinjalemint: 1 Meter, 674 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: ord[inair=gewoan]; Oogen: blaauw; Neus: ord.; Mond: idem; Kin: spits; Haar: blond; Wenkbraauwen: idem
Bern:
1 Klaaske Gerrits Fierstra
* Wurdum 25-9-1890 † Feanwâlden 24-8-1969, 78 jier; ferfart op 24-5-1911 út Deinum nei Frjentsjer; yn 1939 winkelfrou te Weidum;

x Menameradiel 11-5-1911, 20 en 24 jier, Hendrik Joukes Wierstra * Deinum 23-4-1887 † Weidum 22-9-1931, 44 jier; by trouwen timmerfeint te Weidum; yn 1913 timmerman te Frjentsjer; de húshâlding ferfart dêrwei op 1-10-1914 nei Weidum, dêr is Hindrik oant syn ferstjerren timmerman (nrs 134, 136, 142, 141, 154); sn fan Jouke Keimpes Wierstra, timmerfeint te Deinum (hûsnrs 71, 45, 86), en Antje Hendriks Bakker, yn 1878 faam te Deinum, yn 1910, ’12 dêr winkelfrou
Sjoch: Simon Wierstra – Genealogie van het geslacht Wierstra uit Menaldumadeel – IX-i
2 Trijntje Gerrits Fierstra
* Wurdum 20-3-1894 † Terbant 17-3-1930, 35 jier, yn ’e kream; ferhuzet 27-5-1920 nei Marrum; komt op 30-11-1921 út Marrum yn Deinum; ferhuzet 17-5-1923 nei Hallum; by earste houlik sûnder berop te Deinum; komt op 18-5-1927 út Hallum yn Deinum; ferfart dêrwei 28-9-1927 nei Terbant (ynwenjend by W. Sikma, hûsnr 223b), dêr sûnder berop, de lêste seis moanne dêrfoar te Deinum;

x 1 Menameradiel 17-5-1923, beide 29 jier, Lieuwe Iebes Poortinga * Westernijtsjerk 6-8-1893 † Hallum 10-4-1926, 32 jier; by trouwen en ferstjerren greidboer te Hallum; sn fan Iebe Lieuwes Poortinga en Antje Pieters Bouma, yn 1893 bouboeren te Westernijtsjerk, yn 1923 greidboeren te Hallum:
x 2 Ænjewier (ek: Eingewier of de Lytse Gritenij; Hollânsk: Ængwirden) 21-11-1928, 34 en 39 jier, Wessel Jans Sikma * Snits 21-9-1889 † It Hearrenfean 19-9-1963, 73 jier; Grifformeard; sûnt 17-3-1913 betonwurker te Snits; yn 1920 semintwurker te Terbant; by twadde houlik en yn 1930, ’40 betonfabrikant te Terbant (hûsnr 243); sn fan Jan Aukes Sikma, yn 1883 skipper te Easterwierrum, yn 1889 idem te Snits, yn 1913 dêr arbeider, en Baukje Jakobs Bakker;
Wessel x 1 Snits, 17-11-1913, 24 en 22 jier, Anna Plantinga * Hallum 26-5-1891, yn in skip, † Terbant 14-10-1920, 29 jier; Grifformeard; by trouwen sûnder berop te Snits, m.y.f. dy dei ynskreaun te Terbant; dr fan Hendrik Jan Jans Plantinga, yn 1870 kreamer te Frjentsjer, yn 1871 skipper te Stienwyk, yn 1891 skipper op It Hearrenfean, yn 1906 keapman te Bolswert, yn 1913 dêr skipper, yn 1920 stoker te Hilversum, yn 1929 by ferstjerren sûnder berop te Hilversum, en Trijntje Klazes de Jong;
Wessel x 3 Ænjewier 18-10-1933, 43 en 41 jier, Anna Ypeij * Terbant 26-5-1891; by earste houlik kostúmnaaister op ’t Fean; dr fan Eltje Pieters Ypeij, yn 1890 keapman op ’t Hearrenfean, yn 1913 dêr fiskhanneler, yn 1933 keapman te Terbant, en Geeske Jacobs Jager, yn 1890 naaister te Terbant;
Anna x 1 Ænjewier 1-10-1913, Joost Douwes de Grave * Aldskoat, It Oranjewâld, 14-10-1890 † Terbant 6-6-1931, 40 jier, [] Terbant; by trouwen fiskhannelersfeint op ’t Fean, ferfart 13-5-1914 út Nijehaske nei Terbant, dêr feint by de Friesche Vischhandel, by ferstjerren pakhúsfeint te Terbant (hûsnrs 238, 233d); sn fan Douwe Jacobus de Grave, molemakkersfeint te Naarden, op ’t Hearrenfean en Aldskoat, en Gerbrig Atzes de Jong, tsjinstfaam te Haskerdiken, waskfrou en arbeidster te Aldskoat en op ’t Hearrenfean
3 Jantje Gerrits Fierstra
* Deinum 1-12-1898 † Dronryp, Skilpaad 15, 2-2-1977, 78 jier, [kremeard] Goutum; by trouwen sûnder berop te Deinum;

x Menameradiel 17-5-1923, 24 en 31 jier, Pieter Jacobs Palma * Nijehaske 5-8-1891; gjin tsjerkegenoatskip; yn 1910 arbeider te Nijehaske, letter gernier te Dronryp (hûsnr 67), yn 1923 dêr ierdappelhanneler (hûsnr 202); genealooch; sn fan Jacob Pieters Palma, yn 1891 túnman te Nijehaske (hûsnr 24), sûnt 10-6-1892 idem te Dronryp, en Elisabeth Jans Houkes
Sjoch:
-Pieter Palma – Kwartierstaat van Jantje Palma-Fierstra, Genealogysk jierboekje 1962, side 54-55
-Erfgoed Fundaasje Genealogy Koopal – Sieuwke Dirks Miedema, sykje mei de sykfunksje

Gerrit Klazes Fierstra en Sieuke Stienstra hâlde boelguod op 2-5-1895.
Ljouwerter Krante, 26 en 29-4 en 1-5-1895:

Ljouwerter Krante, 2-5-1895:

V.6 Eeltje Klazes Fierstra * Boarnwert 9-11-1862 † Jelsum 12-6-1938, 75 jier; ferhuzet op 2-7-1880 út Stiens nei Hallum; by trouwen dêr fan boerebedriuw; wennet dêr yn 1888 noch en is yn ’t selde jier arbeider te Ljouwert; yn 1890, ’92 komelker te Wânswert; yn 1894 dêr boer; komt op 20-5-1905 út Wânswert yn Ljouwert (oan ’e Potmarge I9; oan ’e Stienzerdyk; oan it Jelsumerbinnenpaad AA44), is dêr greidboer, letter arbeider; yn 1911 sûnder berop te Ljouwert; komt Alde Maaie 1913 út Ljouwert yn Jelsum (hûsnrs 105, 126), Eeltsy is dêr arbeider en yn 1920 gernier;
x Ljouwerteradiel 9-5-1884, op houlikse betingsten, 25 en 23 jier, Baukje Jelles Bosma * Stiens 3-8-1864 † Jelsum 17-2-1936, 71 jier; by trouwen sûnder berop te Wurdum; dr fan Jelle Pieters Bosma, yn 1851 wurkboade te Stiens, yn 1853 dêr arbeider; de húshâlding ferfart op 30-5-1865 nei Ljouwert, dêr is Jelle boere-arbeider oant syn ferstjerren mei 66 jier yn 1892, en Eelkje Pieters Elsinga (ek: Elzinga; tekenet sels: Elsinga)
Eeltsy wurdt op 18-3-1882 keurd foar de Militêre Tsjinst en oanwiisd; sinjalemint: 1 Meter, 580 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: ord[inair=gewoan]; Oogen: grijs; Neus: ord.; Mond: id[em]; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id[em]
Bern:
1 Klaas Eeltjes Fierstra, folget VI.5

2 Eelkje Eeltjes Fierstra
* Wânswert 4-5-1890 † Tytsjerk 22-12-1945, 55 jier, [] Tytsjerk; tsjinstfaam, komt 9-12-1905 út Hallum yn Ljouwert; ferhuzet dêrwei op 23-8-1906 nei Huzum; foar har trouwen faam te Lekkum, de lêste 6 moanne te Ljouwert en Huzum (D50); Eelkje komt op 26-5-1911 út Lekkum yn Tytsjerk; ferverske te Tytsjerk; ferhuzet op 30-10-1930 nei it Kranksinnigegesticht te Frjentsjer; komt op 29-5-1933 út Frjenstjer (Akademystrjitte 10) wer yn Tytsjerk; by ferstjerren dêr sûnder berop;
x Tytsjerksteradiel 27-5-1911, 21 en 29 jier, Petrus Sytzes Mosselaar * Tytsjerk 3-9-1881 † dêr 15-12-1939, 58 jier, [] Tytsjerk; ferver te Tytsjerk (hûsnrs 64, 74, 68); sn fan Sytze Mosselaar, by syn trouwen yn 1866 ferversfeint op It Hearrenfean, letter ferver te Tytsjerk, en Grietje Annes Dijkstra
3 Jelle Eeltjes Fierstra, folget VI.6
4 Trijntje Eeltjes Fierstra
* Wânswert 28-5-1892, moarns 4 oere, twilling mei Jelle † Frjentsjer 9-12-1977, 85 jier; naaister te Jelsum; ferhuzet 13-5-1913 mei har heit en mem út Jelsum nei Ljouwert; komt 22-9-1914 as faam út Ljouwert yn Wurdum (hûsnr 188); ferhuzet dêrwei op 8-6-1916 nei Ljouwert; ferhuzet op 24-2-1931 út Jelsum (nr 126) nei Frjentsjer, is dan sûnder berop
5 Tjitske Eeltjes Fierstra
* Wânswert 13-2-1894 † 14-5-1985, 91 jier, [] Jirnsum, Algemien begraafplak; by trouwen faam te Ljouwert;
x Ljouwerteradiel 7-4-1917, 23 en 19 jier, Wicher Geerts Tuin * Toldijk, Wyk B 146, gemeente Hoogeveen, 3-12-1897 † 2-7-1986, 88 jier, [] Jirnsum, Algemien begraafplak; komt 1-2-1916 út Avereest yn Wurdum ( hûsnrs 397, 182); ferhuzet dêrwei 9-3-1917 nei Grou (dêr ynwenjend by Trientje Tuin en Albert Boxma, ranzjear-arbeider); by trouwen dykwurker by de Steatsspoarwegen te Dedemsvaart, gemeente Avereest; hy ferhuzet op 10-4-1917 út Grou nei Akkrum (dêr wenjend wurdt er op 9-8-1917 troch de Arrondissemintsrjochtbank op It Hearrenfean feroardiele ta trije wiken sitten fanwegen bedriging); hy komt op 28-9-1917 út Akkrum yn Jirnsum, dêr arbeider (hûsnrs 207, 244a, 82, 2); sn fan Geert Wichers Tuin, yn 1897, 1904 fuorman te Toldijk, yn 1907 arbeider te Ruinen, yn 1917 idem te Dedemsvaart, yn 1923 keapman te Ruinen yn 1926 dêr wer arbeider, en Roelofje Everts Soer
Ljouwerter Krante, 18 en 20-2-1936:

Ljouwerter Krante, 14 en 16-6-1938:

Ljouwerter Krante, 27-6-1938:


V.7 Klaas Klazes Fierstra  * Boarnwert 27-1-1865 † Tytsjerk 1-5-1932, 67 jier; gjin tsjerkegenoatskip, letter Nederlâns Herfoarmd; bestjoerslid feriening fan Frijsinnich Herfoarmden ‘Zwartewegsend’; ferhuzet op 9-6-1883 út Stiens nei Aldtsjerk (nr 110), is dêr arbeider; ferhuzet dêrwei op 17-5-1886 nei Hallum, is dêr yn 1888 bouboer; komt 25-6-1898 dêrwei yn Tytsjerk (hûsnrs 5 bûten, 67, 79, 72), dêr greidboer, Klaas en Tryntsje hâlde dêr boelguod op 30-4-1919;  
x Alde Maaie 1900, 35 en 24 jier, Trijntje Ates Visser * Tytsjerk 11-3-1876 † dêr 6-3-1947, 70 jier; greidboerinne te Tytsjerk; dr fan Ate Sjoerds Visser, timmerman te Tytsjerk, en Saapke Jacobs Brouwers
Oannommen bern:
1 Meine Willems Visser * Tytsjerk 19-12-1911; komt op Alde Maaie 1915 by syn muoike en omke yn; folontêr suvelfabryk; ferhuzet op 22-8-1930 nei Dronryp (hûsnr 283); komt dêrwei op 31-7-1931 wer by syn muoike en omke te Tytsjerk; ferhuzet dêrwei op 21-9-1931 nei Bolswert (Nijmerk 14), komt dêrwei op 3-9-1935 idem yn Tytsjerk; ferfart dêrwei op 10-3-1936 nei Deventer (Dahliastraat 15); sn fan Willem Ates Visser († Tytsjerk 1939), timmerman te Tytsjerk, en Froukje Meines Berghuis († Tytsjerk 20-12-1911, 30 jier, yn ’e kream)
Klaas wurdt op 10-3-1885 keurd foar de Militêre Tsjinst en docht in berop op frijstelling fanwegen bruorretsjinst, mar wurdt lykwols oanwiisd; sinjalemint: 1 Meter, 623 Milimeters; Aangezigt: ovaal; Voorhoofd: laag; Oogen: blaauw; Neus: ord[inair=gewoan]; Mond: id[em]; Kin: rond; Haar: blond; Wenkbraauwen: id
Klaas keapet op 30-10-1897 (hy wennet dan te Bartlehiem) fan Neeltje Klazes Wymenga te Tytsjerk, widdo fan Lammert Wiepkes de Jong, en har bern Pieter, Wiepke, Douwe, Klaas en Doetje, in hûs en lân te Tytsjerk; notaris
Andries Andringa. Ljouwert; Notarieel Argyf; Repertoire: 079123; Minút-akten 1897, argyfnr 26, ynvintarisnr 079114, aktenr 00284;  keapsom: f 5.449,00
Ljouwerter Krante:
 

V.8 Tjitse Klazes Fierstra (ek: Tjitze) * Jelsum 1-12-1867 † Hilversum 26-10-1935, 67 jier, [] Stiens; ferhuzet op 5-6-1882 út Stiens nei Ljouwert; folget de Rijkskweekschool te Haarlem; komt 7-10-1891 út Ljouwert yn Amsterdam; dêr ûnderwizer (Eerste Jan Steenstraat 61);
x Frjentsjer 13-10-1892, 24 en 26 jier, Aafke Tjallings Wybrandus * Frjentsjer 29-1-1866 † Velsen 8-10-1936, 70 jier, [] Stiens; by trouwen sûnder berop te Frjentsjer, earder te Ferwert; kreamheinster te Amsterdam; dr fan Tjalling Roelofs Wybrandus, timmerman te Frjentsjer, en Sytske Anes Kuypers
Bern:
1 Trijntje Fierstra (Tineke) * Amsterdam 26-7-1893 † dêr 19-12-1898
2 Tjalling Fierstra * Amsterdam 14-5-1896 † by de Bermuda eilannen, oerboard slein en ferdronken; giet op 19-9-1912 út ’e hûs by syn âlden en wennet sûnt oan ’e Prins Hendrikkade 189 te Amsterdam; stjoermanslearling
3 Gerrit Fierstra * Amsterdam 9-3-1898 † Davos, Switserlân 21-2-1923, 24 jier, oan tuberkuloaze ferstoarn; studint Wei- en wetterbou Technyske Hegeskoalle te Delft
4 Roelof Wybrandus Fierstra, folget VI.7
5 Trijntje Fierstra (Tine) * Amsterdam 12-10-1903 † Haarlem 5-5-19..; wennet sûnt har houlik mei man en fjouwer bern oant 1948 yn Nederlâns Indië, dêrnei yn Nederlân;
x 9-5-1928 Thomas Pauw * Schiedam 15-8-1900 † Haarlem 24-4-1984
6 Titia Henriëtta Antonia Maria Fierstra * Amsterdam 31-1-1906 † Termunten, Grinslân, 15-4-1968, 62 jier; komt op 11-5-1916 út Amsterdam yn Tytsjerk, wennet dêr yn by har omke Klaas Klazes Fierstra en muoike Tryntsje Visser, ferhuzet dêrwei op 31-8-1916 wer nei Amsterdam 

GENERAASJE VI
VI.3 Ritske Jelles Fierstra * Bitgum 22-7-1860 † Ingelum 1-8-1934, 74 jier; by trouwen sûnder berop te Bitgum, sûnt dêr gernier, yn 1912 dêr komelker (hûsnrs 89, 191), ferhuzet Alde Maaie 1918 út Bitgum nei Ingelum (hûsnrs 68, 59, 58, 43) dêr gernier;
x Menameradiel 6-4-1882, beide 21 jier, Jantje Wybrens de Jong * Menaam 31-12-1869 † Ingelum 2-4-1950, 89 jier; by trouwen sûnder berop te Menaam; dr f. Wybrens Reinders de Jong, arbeider te Menaam (nrs 172, 161, 195a), sûnt Alde Maaie 1876 idem te Bitgum, de húshâlding ferfart op Alde Maaie 1877 dêrwei nei Menaam, dêr arbeider (hûsnrs 169, 200) en gernier (nr 312), en Aafke Jans van Slooten, Afke kin net skriuwe, gernierske te Menaam
Ritske Jelles Fierstra en Jantje Wybrens de Jong. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Jantje Wybrens de Jong. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:


Fjouwergeslacht: mei earizer: Jantje Wybrens de Jong; Jantje Catharinus Jousma, Antje Sjirks Hoppinga, Antje Ritskes Fierstra. Fotograef: Gevaer. Kolleksje Hoppinga:

Jitris it fjouwergeslacht: Jantje Wybrens de Jong; op ’e earm: Antje Sjirks Hoppinga; Jantje Jans Jousma en Antje Ritskes Fierstra. Kolleksje Hoppinga:

Ljouwerter Krante, 2 en 4-8-1934:

Roubrief, lykas wenst yn dy jierren, mei in rourâne dy’t der wêze mei – en yn ’t Frysk, dat is dan net sa gewoan.
Kolleksje Saapke Fierstra, Bitgummole:


Bern:
1 Jelle Ritskes Fierstra * Bitgum 18-5-1882 † dêr 29-5-1882, 11 dagen
2 Jelle Ritskes Fierstra, folget VII.1

3 Aafke Ritskes Fierstra * Bitgum 25-7-1886 † St.-Jabik 12-4-1969, 82 jier; Afke en Gerryt binne earst Nederlâns Herfoarmd, letter gjin tsjerkegenoatskip; Afke ferhuzet op 7-6-1907 út Bitgum nei St.-Anne; komt op 27-8-1909 út St.-Jabik yn Bitgum, ferhuzet dêrwei 28-12-1909 nei St.-Anne; komt dêrwei op 1-6-1910 yn Wier, by trouwen dêr noch faam; giet dêrwei op 25-8-1911 nei Froubuorren (hûsnrs 246, 283); de húshâlding ferfart dêrwei op Alde Maaie 1918 nei St.-Anne (nr 604);
x Menameradiel 25-5-1911, beide 25 jier, Pier Gerrits Beimers * St.-Anne 27-5-1886 † dêr 16-2-1948, 61 jaar; bij trouwen erbaaier te St.-Anne, sont te Froubuurt, fan 1918 tot syn fersterven toe te St.-Anne; sn f. Gerrit Folkerts Beimers, erbaaier te St.-Anne, en Tettje Pieters Elzinga, (ok: Tetje; en: Elsinga, skriift sels: Elzinga), in 1911 sonder beroep te St.-Anne
Sjoch: Genealogie Beimers – V.B
4 Antje Ritske Fierstra (Anne) * Bitgum 3-8-1893 † Berltsum, Berlingahiem, 2-4-1980, 86 jier, [] Ingelum; by trouwen sûnder berop te Bitgum; ferhuzet mei har trouwen dêrwei nei Ingelum;
x Menameradiel 30-4-1914, 20 en 25 jier, Catharinus Jans Jousma (ek: Jouwsma; tekenet sels: Jousma) * Ingelum 25-6-1888 † dêr 21-8-1975, 87 jier, [] Ingelum; by trouwen arbeider te Ingelum, dêr letter gernier (nrs 59, 4); tsjerkfâd te Ingelum; sn f. Jan Jans Jousma, by syn houlik yn 1867 arbeider te Bitgum; dêrnei idem te Ingelum;  sûnt 11-5-1874 idem te Marsum (nr 251), ferhuzet Alde Maaie 1893 nei Ingelum (hûsnrs 55, 49, 72, 59, 88, 5), dêr yn dat jier winkelman, dêr letter gernier, en Aukje Egeles Stienstra,  (Aukje tekenet by har eigen boaskjen wol, se ferklearret by trouwen fan Ketrinus en letter ek dat se gjin skriuwen leard hat; patronym ek: Ægeles), gernierske te Ingelum

Afke Ritskes Fierstra en Pier Gerryts Beimers. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Kolleksje De Jong-Koopal, Nijebiltsyl:

Afke Ritskes Fierstra en Pier Gerryts Beimers. Fotograaf: J.M. van der Peijl, Nije Steech, Ljouwert. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Antje Ritskes Fierstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, It Hearrenfean, Snits. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Catharinus Jans Jousma. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, Snits. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Hjirûnder it gerniers-komelkersspul fan Anne Fierstra en Ketrinus Jousma, Buorren 4 te Ingelum. Se hawwe dêr plak foar acht kij, twa stiks jongfee en in hynder.
Fan links nei rjochts, yn ’e sneinske klean: Catharinus Jans Jousma,  Ype Jousma, Antje Ritskes Fierstra en Jantje Jousma. Ype bliuwt frijfeint en by syn âlden yn ’t bedriuw; Janne trout mei Sjirks Jouws Hoppinga, se binne gernier oan ’e Harnedyk te Ingelum. 

Pake- en beppesizzer Jo Hoppinga bewennet no mei syn frou Nynke Stienstra it spul.
Sjoch: Genealogie Hoppinga
Foto: M. Meijer, Foarstreek 239, Ljouwert. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Antje Ritskes Fierstra. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Ljouwerter Krante, 22-8-1975:


Ljouwerter Krante, 3-4-1980:

VI.4 Jan Thomas Fierstra * Bitgum 14-8-1864 † 11-4-1928, 63 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 8; Grifformeard; by trouwen sûnder berop te Bitgum; yn 1891 dêr gernier (nrs 251 bûten, 239); de húshâlding ferfart op 27-2-1896 út Bitgum nei Britsum (nrs 117, 134), dêr is Jan gernier en komelker; 14-5-1907 nei Ælsum, dêr bouboer; 17-5-1914 nei Diever; de húshâlding komt op 25-5-1926 út Diever yn Bitgum (hûsnr 256);
x Menameradiel 2-1-1890, 25 en 23 jier, Syboltje Harkes de Jong (Syb) * Berltsum 3-8-1866 † Bitgum 14-5-1940, 73 jier, [] Bitgum, rigel 20, grêf 8; Grifformeard; by trouwen sûnder berop te Bitgum; dr fan Harke Jitzes de Jong, grofsmid te Berltsum, sûnt 27-2-1867 kastlein yn By de Grutte Pomp te Bitgum (nrs 10, 2, 9), dêr allyksa biljerthâlder, keapman, winkelman, sûkereidrûger, rydtúchferhierder en ûndernimmer fan in tsjinst op Ljouwert, en Hylkje Sybolts Feenstra, kastleinske, ek neamd taperske
Bern:
1 Hylkje Jans Fierstra * Bitgum 19-1-1891 † Ælsum 7-11-1907, 16 jier
2 Pietje Jans Fierstra * Britsum 20-9-1899 † Emmen 8-11-1974, 75 jier (oarsaak ferstjerren: rinnende oanriden troch twa auto’s);
x Diever 11-5-1921, 21 en 24 jier, Jacob Jans Vos (Jaap) * Hoogersmilde 16-3-1897, gemeente Smilde † Ponta Grossa, Brazilië, 16-11-1960, 63 jier; boer te Smilde; sûnt 10-6-1921 idem te Wateren (hûsnrs 23, 16); de húshâlding ferhuzet dêrwei 10-4-1926 nei Emmen; sn fan Jan Lammerts Vos en Henderkien Jacobs Jut, boeren te Hoogersmilde
Sjoch foar famylje Vos: Genealogie van Smilde -Parenteel van Lambert Jans Dik – 2.1.9.2.

Ljouwerter Krante, 22 en 23-11-1907:

Syboltje de Jong, jonger en âlder. Fotograaf 1: De Jong, jouwert, Snits; fotograaf 2: J.H. Slaterus, Ljouwert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje de Jong-Brouwer, Bitgum (skonken troch Akke de Jong-Terpstra):


Troufoto fan Pytsje Fierstra en Jaap Vos. Fotograaf: Gevaert. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje De Jong-Brouwer:


Jaap Vos, man fan Pytsje Fierstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, Snits. Erfgoed Fundaasje – Kolleksje De Jong-Brouwer:

VI.5 Klaas Eeltjes Fierstra * Ljouwert 27-8-1888 † Jelsum 20-3-1949, hûsnr 126, 60 jier, [] Jelsum; earst Nederlâns Herfoarmd, letter gjin tsjerkegenoatskip, lykas syn hele húshâlding; arbeider en gernier, sjoch hjirûnder;
x Ljouwerteradiel 16-5-1914, 25 en 23 jier, Antje Gerrits van Veen  (Anne) * Turns 30-4-1891, oan board fan har heit-en-memmes skip (domisylje hâldend te Snits), † Frjentsjer 26-1-1975, 83 jier, [] Jelsum; ferhuzet op 27-6-1908 út Turns nei Wurdum, by trouwen dêr faam; dr fan Gerrit Arends van Veen, yn 1891 fisker te Snits, yn 1908, ’24 te Turns, en Grietje Jans Schreudering, by ferstjerren yn 1942 sûnder berop te Ysbrechtum

Hantekeningen ûnder Klaas en Anne har trou-akte; foar guon dy’t net folle skoalle hân hawwe, ha se in bysûnder moaie en feardige hân fan skriuwen:

Bern:
1 Eeltje Klazes Fierstra, folget VII.2
2 Grietje Klazes Fierstra * Wurdum 4-2-1918/Ljouwert/

x Andries Ruiter * Apeldoorn 14-3-1918 † Ljouwert 17-11-1973
3 Gerrit Klazes Fierstra, folget VII.3
4 Jelle Klazes Fierstra, folget VII.4 
Ljouwerter Krante:

§ IN FEINT KIN FAAK FERFARRE I
In greep út de ferhuzings fan Klaas Eeltsjes Fierstra:
-Klaas komt op 22-12-1906 út Wyns yn Ljouwert;
-ferhuzet dêrwei op 23-8-1907 nei Huzum;
-komt dêrwei op 16-11-1908 yn Ljouwert;
-ferhuzet dêrwei op 25-6-1909 nei Lekkum;
-ferhuzet 27-6-1909 út Ljouwert nei Wurdum (hûsnr 183);
-komt op 15-5-1913 út Deinum yn Jelsum;
-ferhuzet dêrwei op 19-8-1913 nei Idaard;
-komt yn Jelsum op 7-5-1914 út Wergea;
-by trouwen yn 1914 arbeider te Lekkum;
-giet út Jelsum op 31-8-1914 nei Ryptsjerk;
-komt op 10-8-1916 yn Jelsum;
-by syn ferstjerren is er dêr gernier.

VI.6 Jelle Eeltjes Fierstra * Wânswert 28-5-1892, moarns 2 oere, twilling mei Tryntsje, † Marsum, Dr Popta Gasthûs, Bitgumerdyk 42, 29-9-1956, 64 jier, [] Marsum; arbeider, sjoch hjirûnder; by ferstjerren sûnder berop te Marsum;
x Ljouwerteradiel 15-5-1920, 27 en 23 jier, Baukje Rienks van der Wal * Jelsum 17-6-1896 † Ljouwert 10-12-1977, 81 jier, [] Marsum; by trouwen húshâldster te Stiens; dr fan Rienk Hendriks van der Wal, arbeider ûnder oaren te Bitgum, yn 1875 te Marsum, 1889 te Ingelum, 1890 Deinum, te Ljouwert, sûnt 1895 te Jelsum (hûsnrs 140, 79), 1897 te Deinum, 1906 Jellum, 1907 Deinum, sûnt 1910 oant syn fertstjerren yn 1915 te Marsum (nr 263), en Anna Dirks van der Leij, sûnt 18-6-1915 te Ljouwert (Saailân 6)
Bern:
1 Anna Fierstra * Jelsum 20-5-1922
x 23-8-1950 Tæke H. van Dijk; arbeider by Rykswettersteat; komelker, letter boer oan ’e Hegebeintumerdyk 18 ûnder Ferwert
2 Eeltje Fierstra * Jelsum 21-5-1929/Ljouwert/
x Ljouwert 28-12-1965 Maria Alida Menger (Mieke) * Noordwoolde, Weststellingwerf 26-9-1926 † Hurdegaryp, Bennemastate 18-10-2018, 92 jier; dr fan Jan Thijsses Menger en Wemmigje Jacobs Menger
3 Jantje Fierstra * Jelsum 28-9-1933; wennet te Rotterdam en Hoog Keppel;
x Seijsener

Troufoto fan Jelle Fierstra en Baukje van der Wal. Foto’s: Kolleksje Jan L. Zwart, Limmen:

Baukje van der Wal:

§ JA, IN FEINT FERHUZET FAAK II
Lykas syn broer Klaas, hat Jelle Eeltsjes Fierstra ek ûnderskate plakken, al foar syn trouwen.
As ynwenjend lytsfeint wennet er te Ljouwert, 
op 29-5-1912 komt er dêrwei yn Deinum,
hy ferhuzet dêrwei op 15-5-1913 nei Jelsum,
dêrwei op 19-8-1913 nei Wergea,
dêrwei op 7-5-1914 nei Jelsum,
dêrwei op 31-8-1914 nei Ryptsjerk (nr 35), stiet dêr te boek as boer, ynwenjend by Lucas Bunt, mooglik is Jelle dêr buorker,
dêrwei op 10-10-1916 nei Jelsum, dan wennet er wer yn by syn heit en mem yn;
nei syn trouwen bliuwt er mei de húshâlding te Jelsum (hûsnrs 110, 133).

Ljouwerter Krante, 1-10-1956:

VI.7 Roelof Wybrandus Fierstra * Amsterdam 1-12-1899 † Heemskerk 21-10-1994, 94 jier; arts te Amsterdam;
x 1 Amsterdam 10-9-1924, skieden 2-3-1959, Antje Hundt * Sappemeer 20-7-1900 † Winterswijk 14-5-1959, 58 jier, ferkearûngelok, [jiske yn urnetún, fak Z, kremeard Driehuis-Westerveld]; dr fan Jan Marten Hundt en Adrea Kliphuis;
x 2 Beverwijk 4-4-1959 Elisabeth Admiraal * Wijk aan Duin 29-5-1916
Bern:
1 Gerrit Klaas Fierstra, folget VII.5
2 Andrea Anne Fierstra * Utrecht 9-2-1928; sjirurch te Winterswyk

GENERAASJE VII
VII.1 Jelle Ritskes Fierstra
* Bitgum 18-5-1882 † Berltsum, Berlingahiem, 28-8-1980, 98 jier, [] Menaam; by trouwen en yn 1923, ’32 arbeider te Bitgum; bôlesutelder mei eigen karre en skimmel; yn 1938 dêr gernier, komelker (hûsnrs 370, 107, 27);
x Menameradiel 2-5-1912, 28 en 25 jier, Yttje Hotzes Kleefstra * Berltsum 22-11-1886 † Bitgum 6-4-1923, yn ’e kream, 36 jier, [] Menaam; yn 1899 ynwenjend faam by F. de Boer te Stiens; sûnt -11-1901 oant -5-1902 idem by Jan Doekes Oostra en Ytje Pieters Boelstra bouboeren te Stiens; yn 1905 idem te Stiens, yn 1905 idem te Aldtsjerk; yn 1907 idem te Rie, 1907, ’09 idem te Menaam; sûnt 1-7-1910 idem yn St.-Anne; komt op 19-5-1911 dêrwei idem yn Bitgum; by trouwen en ferstjerren dêr sûnder berop; dr fan Hotze Jelles Kleefstra, sûnt 19-3-1885 arbeider te Berltsum (hûsnr 166); sûnt 8-1-1896 fabryksarbeider te Mullum; yn 1901, ’12 arbeider te Stiens; yn 1923 idem te Ljouwert, en Fettje Kornelis Bosma
Bern:
1 Fettje Jelles Fierstra * Bitgum 10-1-1913 † Hurdegaryp, Gælekamp 12, 7-9-1991, 78 jier, [kremeard Goutum]; by trouwen sûnder berop te Bitgum; foarsitster Frijsinnich Herfoarme Frouljusferiening Bitgum-Bitgummole;
x Menameradiel 5-5-1938, 25 en 23 jier, Jan Annes van der Meer * Hijum 1-10-1914 † Menaam 11-7-2001, 87 jier, [kremeard Goutum]; by trouwen arbeider te Ingelum; komt 15-5-1939 út Seisbierrum (hûsnr 443) yn Froubuorren (hûsnr 212); letter arbeider te Bitgum by Hettema Zonen; sn fan Anne Gerbens van der Meer, yn 1905 arbeider te Feinsum, sûnt -5-1905 idem te Hijum (nrs 40, 21 23), yn 1938 idem te Feinsum, en Adriaantje Jans Kramer
2 Ritske Jelles Fierstra
* Bitgum 14-9-1914 † Ljouwert, wenjend te Bitgum, dêr 5-10-1932, 18 jier, [] Bitgum, rige 41, grêf 4; arbeider te Bitgum

3 Hotze Jelles Fierstra * Bitgum 27-7-1916 † dêr 21-9-2005, 89 jier, [] Bitgum; bakkersfeint te Bitgum, ferhuzet 10-11-1933 nei Mullum; letter te Bitgum; dêr wurksum by ’t leanbedriuw fan Marten Sjoerds de Vries
x Geeske Grendel * Ljouwert, stedssikehûs, 3-3-1919 † Ljouwert, wenjend te Bitgum, 29-12-1967, 48 jier; gjin tsjerkegenoatskip; foar har trouwen  fabryksarbeidster te Ljouwert; dr f. Hendrik Hendriks Grendel, pakhúsfeint te Ljouwert, los arbeider, yn 1919 opperman, glêzewasker; yn 1967 dêr sûnder berop, en Baukje Heins Nijp, yn 1916 naaister te Ljouwert
4 Wybren Jelles Fierstra, folget VIII.1
5 Libbenleas jonkje Fierstra
*-† Bitgum 2-4-1923 [] Bitgum, rigel 35, grêf 9
Jelle Ritskes Fierstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, Snits. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Yttje Hotzes Kleefstra. Fotograaf: De Jong, Ljouwert, Snits. Kolleksje Jouw Sjirks Hoppinga, Ingelum:

Ljouwerter Krante, 7-4-1923:


Boppe: Jelle Fierstra op ’e Frânske leane; ûnder: Jelle Fierstra en Hotze Fierstra. Foto’s hjirûnder: Kolleksje Saapke Fierstra, Bitgummole

§ Saapke Fierstra fertelt, 29-3-2021:

 Ofrûne wike by Anne van der Meer, soan fan Fetsje van der Meer-Fierstra op besite west en him noch wat oer de famylje frege.

Anne is berne yn 1939 yn Froubuorren. Heit Jan van der Meer wie dêr boerearbeider û.o. by in boer Bruinsma en by Klaas Halma.
Troch krapte yn de oarloch is de famylje yn 1944 ynlutsen by de heit fan Fetsje, Jelle Fierstra yn Bitgum.
Neffens Anne hie pake Jelle in pear kij ( 6 op syn meast ), twa bargen en in hynder, in Belg. Dy kij rûnen simmers yn de Finne.
Der waard hjir en dêr wat grûn hierd foar fuorbiten en foar ierdappels en griente foar eigen gebrûk û.o. oan de Lytse Singel. Gjin granen of flaaks.
Jan van der Meer hat noch by Klaas Wassenaar yn ’e Súdhoek arbeide. Letter wurke hy by Hettema yn Bitgum en holp thús mei melken en sa.
Wybren wie yn 1946 troud en it hûs út gien.


Jelle Ritskes Fierstra, hy hat lang lêst fan stôkdovens en min sicht

Hotze Fierstra en Geeske Grendel

Hotze Fierstra

Hotze Fierstra, twadde fan rjochts. De earste man is de Bitgumer gernier Wigle Hiemstra. De tram is der noch

VII.2 Eeltje Klazes Fierstra (Eelke) * Wurdum 23-1-1916 † Ljouwert 30-8-1991, Boeierstrjitte 65, 75 jier, [kremeard Goutum]; gjin tsjerkegenoatskip; bakkersfeint, ferhuzet op 7-5-1934 út Lekkum (Grinzerstrjitwei 46) nei Ternaard (nr 261), ferhuzet dêrwei op 15-5-1935 nei Rien-Lytsewierrum (dêr ynwenjend by Gerrit Dijkstra, nr 99), ferfart dêrwei op 24-5-1939 nei Jelsum, dêr is Eelke bakker;
x Ljouwerteradiel 25-5-1939, 23 en 21 jier, Froukje Douwes Booi * Surhústerfean 20-2-1918 † Harns 1-7-2001, 83 jier, [kremeard Goutum]; sûnt 30-9-1932 ynwenjend faam by B. van der Lei te Oerterp (nr 142), yn 1936 idem te Wiuwert (nr 75), idem te Itens (by Otte van der Wei, nr 60), idem te Hinnaard (by Ritske Hellinga, nr 28), yn 1939 idem te Turns; dr fan Douwe Johannes Booi, arbeider te De Rottefalle, Surhústerfean, Boelensloane, Noordwijk (gemeente Marum), Gruttegast, Drachten, De Pein, en Sjoukje Hendriks de Vries
Bern:
1 Klaas Fierstra, folget VIII.2

2 Marijke Fierstra
* Jelsum 3-2-1942/Boalsert/
x Ljouwert 26-3-1964 Harmen Roelof Liemburg (Harrie) * Ljouwert 18-10-1941; sn fan Alt Liemburg en Jiskje van ’t Zet
3 Douwe Fierstra, folget VIII.3

4 Anne Fierstra, folget VIII.4

5  Sjoukje Fierstra * Ljouwert 2-8-1950/Assen, Easterwâlde/
x Ljouwert 8-12-1971 Klaas Rozema * Ljouwert 23-11-1950
6 Gerrit Fierstra * 30-8-1956 † 9-11-1963
7 Joan Fierstra, folget VIII.5


Ljouwerter Krante, 2-9-1991:

VII.3 Gerrit Klazes Fierstra
* Wurdum 18-12-1919 † Ljouwert 3-10-1991
x Ljouwerteradiel IJmkje Nijboer * Drachten 21-2-1923; dr fan Anne Gerbens Nijboer, yn 1921 arbeider te Boelensloane en Houtigehage, sûnt 29-4-1922 te Drachten (H184), sûnt omstrings 1931 te Drachtsterkompenije, sûnt 1939 te Houtigehage, en Minke Jans Kuipers
Bern:
1 Minke Fierstra * 24-3-1950;
x Henk Nicolai * 5-1-1944/Ljouwert/
2 Klaas Fierstra, folget VIII.6
3 Antje Fierstra * 10-12-1957/Ljouwert/
x Hans Koopmans
* 1-11-1955

VII.4 Jelle Klazes Fierstra * Wurdum 19-10-1921 † Staphorst 22-1-2002 [] IJhorst; wennet yn 1949 te Meppel, yn 1991, 2002 te Staphorst;
x Grietje Bijlsma * 4-2-1925 † 18-4-1999
Bern:
1 Klaas Fierstra, folget VIII.7
2 Janny Fierstra
* 15-2-1953 † 15-4-1996;
x Chris A. de Jong
/De Wijk/
3 Jeroen Fierstra, folget VIII.8

VII.5 Gerrit Klaas Fierstra (Gert) * Zegveld 2-12-1925 † Beverwijk 1-12-2013, 87 jier, [kremeard Driehuis, Westerveld]; yn 1944 laborant by de Hoogovens; húsarts te Velsen-Noord;
x 13-7-1956 Clara Marie Stassen (Claar) * Roermond 23-10-1927 † Amsterdam 20-2-2017, 84 jier; dr fan Joannes Hendrikus Hubertus Stassen en Clara Marie Emilie Bremmers

Bern:
1 Marc Arthur Fierstra, folget VIII.9
2 Merit An Fierstra * Velsen-Noord 26-3-1961;
x Friedrich Johan Marschall (Fred) * Amsterdam 16-4-1953; sn fan Friedrich Johan Marschall en Leocadia Lieuwkje Marianne Wilhelmina Keizer

§ STRAFKAMPEN
Gert Fierstra wurdt by in razzia oppakt op 15-4-1944 yn ’e Wijkerstraat 60 te Velsen-Noord, hy hat dan krekt nei in útfiering west fan ’e Mattheus Passion yn Haarlem. Gert wurdt in dei letter yn ’e trein ôffierd nei Kamp Amersfoort; op 7 july de moarns om 2.30 oere wurdt er ôfmarsjeard nei it stasjon yn Amersfoort om yn Dútslân tewurk steld te wurden. Hy sit yn ’e kampen Schkopkau; Lippendorf, De Kippe; Peres Alpenrose; Böhlen. Hy komt werom op 26-6-1945.
Sjoch: Razzia Beverwijk

GENERAASJE VIII
VIII.1 Wybren Jelles Fierstra (Wyb, Wiep) * Bitgum 2-1-1918 † Bitgum 12-10-1984, 66 jier, [] Bitgum; gernier te Bitgum;
x Menameradiel 16-5-1946, 28 en 31 jier, Tjitske Veenstra (Tsjikke) * Ie 26-8-1919 † Ljouwert, wenjend te Bitgum 3-7-1975, 55 jier, [] Bitgum; tsjerkeriedslid Nederlâns Herfoarme Tsjerke Bitgum; dr fan Geert Jacobs Veenstra, yn 1915 bakker te Moarre, yn 1916 idem te Ie, winkelman en postrinner te Bitgum, en Saapke Gerbens de Vries
Bern:
1 Saapke Fierstra * Ljouwert (sikehûs) 4-8-1948;
x Menameradiel 14-11-1969 Jan Weistra * 4-3-1948
2 Yttje Fierstra * Bitgum 11-7-1954;
x Menameradiel 25-7-1974 Dick Klaver * Easterbierrum 10-7-1953


Wybren Fierstra en Tjitske Veenstra. Foto’s yn dit skift: Kolleksje Saapke Fierstra, Bitgummole

Troulietsje op Wyb en Tsjikke, makke troch Lys Nauta-Hoppinga, kastleinske yn By de Grutte Pomp te Bitgum. Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Hoppinga – IV.1.2


§ Gernier mei kij
Gernieren ha meast gjin kij – òf ien ko, foar eigen gebrûk. Jelle en Wybren Fierstra hawwe neist de gernierkerij, mei ierdappels, koal en flaaks, ek komelkerij.
Jelle syn trije kobisten weidzje yn ’e Bitgumer Finne, de mienskar op it Nijlân oer de Alde seedyk. Wybren hâldt seis kij yn ’t bûthús en yn ’e skuorre is in stâl foar keallen. Op it hiem stiet it hynstehok foar ien hynder, en in weinhûs. By it ploegjen komt Wybren mei de hân yn ’e trijeskaarploege en sit er mei in trochsnijde pees. Hy hâldt dêr stive fingers fan oer, kin net mear melke en docht de kij fuort.
Op ’e foto it spul oan ’e Hoarslânsdyk 1 te Bitgum en Wybren ûnder de ko

Fierstra Wybren

Wybren Fierstra ment syn hynder foar de optochtwein ‘Yn ’t iepen fjild’.
Hjirûnder: Tsjikke Veenstra op ’e haaiwein yn Bitgumer optocht, foar de Iepenbiere Skoalle te Bitgummole, omstrings 1938.
Fan links nei rjochts: Klaas Dykstra, Jaap Veenstra, Tsjikke Veenstra, Geeske de Valk, Joukje de Vries, Anne Daams de Vries, Neeltsy de Vries (fan Willem Oeges), Boukje Dykstra en Meindert Hiemstra. Fotograaf: De Jong’s Studio, Foarstreek 40, Ljouwert

Wybren Fierstra, pjut Saapke en Tsjikke Fierstra-Veenstra

Ytsje Fierstra en Tsjikke Fierstra-Veenstra

VIII.2 Klaas Fierstra * Jelsum 31-7-1940 † Drachten 29-8-1997;
x Martha Kuipers
Bern:
1 Jenny Fierstra
* 19-1-1965
2 Francien Fierstra
* 28-11-1968

VIII.3 Douwe Fierstra * 1-3-1945/Den Haach/
x
Bern:
1 Leonie Ingrid Daniëlla Fierstra (Linda) * 14-3-1975/Den Haach/
2 Marcella Andrea Yvette Fierstra (Mandy) * 28-7-1977

VIII.4 Anne Fierstra * 24-11-1947 † 10-9-1993/Ljouwert/
x Janny de Haan * 4-8-1951
Bern:
1 Anne-Gerrit Fierstra * 19-12-1973
2 Robert-Martijn Fierstra, folget IV.1 * 28-11-1976
Bern fan Robert-Martijn:
1 Marrit Fierstra * 6-4-2004

VIII.5 Joan Fierstra * 5-9-1963/Wurdum/
Bern:
1 Eelke Fierstra * 3-1-1996
2 Jelbrich Fierstra * 21-10-1997

VIII.6 Klaas Fierstra * 10-8-1953/Grou/
x Ljouwerteradiel 1-6-1979 Anna Hondema (Anneke) * Wolvegea 19-2-1956; dr fan Sjouke Hondema en Beppie van der Meer
Bern:
1 Jorn Fierstra * Ljouwert 15-5-1983
2 Berber Fierstra * Ljouwert  15-3-1985
3 Djurre Fierstra * 25-4-1990

VIII.7 Klaas Fierstra * 5-4-1950/Broekhuizen/

Bern:
1 Esther Fierstra * 12-5-1973
2 Karin Fierstra * 24-5-1974
3 Rob Fierstra * 5-6-1978

VIII.8 Jeroen Fierstra * 1-1-1965/Roden/
x
Bern:
1 Jelmer Fierstra
2 Jas,ijn Fierstra
3 Feline Fierstra

VIII.9 Marc Arthur Fierstra * Velsen-Noord 10-2-1959; jurist te Heeemstede;
w.m. Bernadette Henriette Antoinette van Leeuwen * Leiden 13-6-1960; jurist te Heemstede; dr fan Adrianus Gerardus van Leeuwen en Johanna Hendrika Reijken
Bern:
1 Sjoerd Alexander Fierstra * Haarlem 5-5-1996
2 Rutger Lieuwe Fierstra * Haarlem 7-2-1999

GENERAASJE IX
IX.1 Robert-Martijn Fierstra * 28-11-1976
Bern:
1 Marrit Fierstra
* 6-4-2004