Frjentsjer Tentoanstelling
Yn it âlde Stedhûs te Frjentsjer (Riedhúsplein 1) is in permaninte útstalling ynrjochte fan it wurk fan Erfgoed Fundaasje, yn ’e mande mei Historisch Centrum Franeker en ’t Bildts Aigene. Hjirûnder in oersicht mei tekst en foto’s.
Besichtiging op ôfspraak: 058-212 00 35.
Klik hier voor een overzicht van de tentoonstelling in het Nederlands
Foto’s: Het Hoge Noorden/Jaap Schaaf
Geboarteleppels binne typysk Frysk erfgoed –
it ferskynsel komt trouwens ek beheind foar yn West Fryslân (N.H.) en Grinslân.
Erfgoed Fundaasje hellet gâns leppels foar ’t ljocht
en lit se beskriuwe troch sulverdeskundige Jan Schipper. EF leit de famyljeferbannen, sadat de nammen yn it sulver oan in nij libben begjinne.
It wurdt tiid dat de berteleppel offisjeel opnommen wurdt yn ’e Fryske Histoaryske kanon.
Wa’t erfgoed skinkt, is it net kwyt, want it is mienskipsguod.
Sjoch: www.erfgoed-fundaasje.nl – Sulver erfgoed
gebrûksleppel fan in anonime lânarbeidster
Yn ’e 19e en begjn 20ste iuw is it yn ’e Fryske Klaaiboustreek by de arbeiders earmoed troef. De kleau tusken ryk en earm is enoarm.
It kontrast spegelet him hjir yn it sulver fan ’e patroan tsjinoer it doffe blik fan syn personiel.
De arbeiders bodzje fan moarns fiif oant jûns seis of langer by in meager miel. In soad stjerre yn it harnas, gauris frij jong.
De ‘Readen’: de anargisten, kommunisten, sosjalisten winne oan en organiseare har op polityk terrein, ek ynternasjonaal.
Yn ’e 19de en begjin 20ste iuw is by net-begoedige famyljes it materieel erfgoed navenant minder yn omfang.
Geseten boerefamyljes hawwe jild, besit, frije tiid en se kinne lêze en skriuwe.
Har argiven omfiemje:
- lúkse foarwerpen: geboarteleppels, foto-albums, 7-gonge-menu’s yn kleuredruk
- saaklike stikken: keapakten, boekhâlding, lakstimpels
- realia fuortfloeiend út tiidsynfulling: borduersels, houtsnijwurk, partitueren
- skreaune skiednis: brieven, opskriuwboekjes mei filosofyske skôgingen fan eigen hân, printe memoires.
Eksimpels dêrfan binne hjir útstald, ‘ter lering en vermaak’.
Attributen út arbeidershúshâldings binne net minder fan wearde – krektoarsom, sosjaal-histoarysk sjoen. Tink bygelyks oan ’e tekeningen fan fersette wurkersklean fan Jopie Huisman.
Trouwens, mûnlinge oerlevering is neist materieel erfgoed in ûnmisbere boarne foar in lykwichtich, reëel histoarysk ynsjoch – as men jin teminsten bewust is fan in net te ûntkommen fertekening yn it gedachtegoed.
Sadwaande leit Erfgoed Fundaasje ek orale skiednis fêst.
Lepels út ’e Kolleksy Palsma-Kalma
1. Auke Piers Algera * Luwt 1856 † Froubuurt 1912; boer onder Froubuurt en Luwt
x ’t Bildt 1880
Grietje Siebes Boelstra * Belkum 1859 † Luwt 1925
En Auke syn jongfersturven dochter, broers en suster:
2. Tjitske Aukes Algera * Froubuurt 1885
x Ype Jans Botma * Anjum, seun fan Jan Ypes Botma, boer te Anjum, en Antje Pieters Hoogland.
Tjitske en Ype hewwe gyn kines, soadoende komt Tjitske hur lepel telânde bij hur suster Clara Algera * Froubuurt 1881 † St.-Anne 1929
x ’t Bildt 1903 Rendert Jarigs Palsma * Froubuurt 1878 † dêr 1945; boer op Zomerrust an’ e Ouwedyk onder St.-Anne; ferhúst 1930 na Luwt, Marsumerstraatweg 50
3. Tjisse Piers Algera * Luwt 1854 † dêr 1864, 10 jaar
4. Gepke Piers Algera * Luwt 1859 † dêr 1864, 5 jaar
5. Sjoerd Piers Algera * Luwt 1862 † dêr 1864, 2 jaar.
KOLLEKSJE PALSMA-KALMA
Partikulier
Trije besibbe Rindertjes
Sjoch leppels links op ’e foto.
1
Ynskripsje: Rindertje Sipkes Bouma geboren 10 Juli 1931
Stâlbekroaning: wapen fan Fryslân
Masterteken: DJ = D. de Jong Wzn., Grins
Jiermerk: W = 1931
2
Ynskripsje: Rindertje R. Haadsma geboren 17 July 1906 Stâlbekroaning: boerinne mei amers oan jok
Masterteken: D 496 = S.F. Doodkorte, Ljouwert.
Jiermerk: 1901
3
Ynskripsje: Ter gedachtenis van Gerlantje Dirks van der Werff geboren 1822 9 Mei
oerdwars: Aan het huwelijk/van/Joute Ytzens van der Werff/en/Rindertje Gerbens Dijkstra/21 Mei 1898
Stâlbekroaning: Wapen fan Fryslân
Masterteken: R F 3 = R. Feenstra, Snits
Jiermerk: F = 1890, mar de leppel is gâns âlder, it eardere jiermerk sil wol fuortpoetst wêze
Dit is in saneamde Wilhelminaleppel: it is in oantinken yn 1898, it Wilhelminajier, prinses Wilhelmina wurdt ynhuldige as koaningin.
Ferneaming Rindertje
Sjoch foar gâns mear ynformaasje: www.erfgoed-fundaasje.nl
-Sulver erfgoed
-Kertiersteat Rindertje Bouma
-Genealogy Haadsma
Wolle jo dat Erfgoed Fundaasje jo leppel ek wiidweidich beskriuwt en de famyljeferbannen útpluzet? Nim kontakt op.
KOLLEKSJE BOUMA-VAN DER WERFF
Partikulier
Boeretekstyl
Yn ’e ûnderste ôfdieling:
- Haakte deiske frouljusmuts
- Frouljusnachtjak
Mei kanten bef en kraach, glêzen knopen.
Mooglik foar kreas yn ’e kreamtiid: yn ’e pronk op bêd.
Omstrings 1900. - Letterlape fan Gryt Boelstra
Dateard 1889.
Bysûnder: kleuren grien en swart.
Meastentiids binne letterlapen read borduerd.
Wat se thús oan jern oer hienen, koenen se blykber op skoalle goed brûke. - Borduerde en haakte kleedsjes
Under oaren:
-richelieu: earst wurdt it motyf borduerd, en dan de stof derachterwei knipt
-Ingels borduerwurk: earst wurdt in omtrek makke mei in riichstek, dan wurdt in gatsje makke, de stof wurdt nei achteren wurke en wer omstikt
-anty-makkassar, foar oer it bekling fan ’e stoel, feuilteaul, crapeau: makkassar-oaly waard brûkt om it hier yn model te hâlden. - Kleedsjebrodery perze
Dit kleed is brûkt as skoarstiendoek, as sadanich o sa ferblikt.
It is applikaasjewurk: oare stof, bygelyks út bûsdoeken knipt wurdt derop naaid en byborduerd.
Knap borduerwurk.
Skinking Gerrie Berga, It Hearrenfean
De naam Koopal/Koopmans komt fan ’t koopmanskap.
Simboalen in ’t wapen:
- helmteken (bovenop): handmerk fan foorfader Syds Ieskes in 1698, aigenerfd boer op Groat Jetsma in ’e Burd onder Grou
- Merkuriusstaf: koopmanskap
- drie groene klavers: ôfstamming aigenerfde boeren
- pylk en boog: ondernimmend koopmanskap, niet skiete is altyd mis (overnommen út ’n ouder wapen op ’e steen fan Maartsy Dirks Koopmans te Beetgum)
’t Wapen is ontworpen deur Erfgoed Fundaasje in operbaaien met de Fryske Rie foar Heraldyk.
Om jou femilywapen te ontwerpen en registreren, kinne jou kontakt opnimme met Erfgoed Fundaasje
Fragminten út ’e Genealogy Koopal
VII9 sn f. VI8 Sjoerd Martens Koopal
Johannes Sjoerds Koopal * Froubuurt 29-7-1879 † St.-Jabik 22-12-1958 [] St.-Jabik, gernier en melkfaarder an ’t Noordeand (nr 23) in St.-Jabik
x ’t Bildt 26-5-1921, ’n dochter fan syn neef, Klaasje Tækes Koopal * Froubuurt 15-6-1893 † Emmeloord (woanend te Bant, N.O.P.) 4-11-1968, kremeerd Groaningen [as] St.-Jabik; bij x húshouster in St.-Jabik, dr f. Tæke Sybrands Koopal (VII6) en Grietje Alberts Rooda.
Kines:
1 Sjoerd Johannes Koopal, sien VIII8
2 Grietje Johannes Koopal * St.-Jabik 20-9-1930 † Dronten 26-1-2006
x Fetzen J. Broekens, timmerman op Nijesyl, later in Bant (Noord Oast Polder).
Kines Broekens:
1 Klaasje * Ouwesyl 17-8-1954, x Elburg 25-5-1974 Carel Herman Haitink * Buenos Aires 4-6-1942 /Elburg/
2 Johannes (Johan) * Sneek 17-6-1959, x 14-5-1982 Tonneke van der Kamp * Kampen 25-5-1
3 Froukje * Emmeloord 3-2-1966, x 8-5-1992 Klaas van den Berg * IJsselmuiden 6-7-1963 /Dronten/
VIII8 sn f. VII9 Johannes Sjoerds Koopal
Sjoerd Johannes Koopal * St.-Jabik 24-9-1928 † dêr 8-6-2008 [] St.-Jabik, doadgraver en túnman bij de gemeente ’t Bildt; keurmeester fan tunen; houde taalpraatsys in ’t Bildts over de natuur foor Omrop Fryslân; lid skoalbestuur, idem Plaatselik Belang St.-Jabik, feestkommissys en iisferening ‘IJsclub St. Jacob e.o.’ wêrfan 25 jaar foorsitter (9-11-1963 tot 9-11-1988)
x 1e Mettje Kramer * Furdgum 12-10-1925 † Grunningen (RK sikenhuus) 3-2-1962, dr f. Jan Barteles Kramer, erbaaier in Furdgum, en Klaske Jakobs Groeneveld
Sjoerd x 2e ’t Bildt 4-7-1963 Grietje Zijlstra * Damwoude, dr f. Roelof Zijlstra, dêr erbaaier, en Martje Monsma.
Kines:
1 Ronald (Ron, Ronnie) Koopal, sien IX3
2 Johannes Sjoerd Koopal, sien IX4
3 Marten Koopal, sien IX5
4 Klaasje Martje Koopal * Luwt (Bonnefatius Hospitaal) 4-6-1972
x Rinse Hiemstra
Kines Hiemstra: 3
Foto’s famyljes Koopal
1 en 2 Johannes Sjoerds Koopal
3 Johannes Sjoerds Koopal (links) en Albert Koopal
4 en 5 Klaasje Tækes Koopal en Johannes Sjoerds Koopal
6 Klaasje Koopal-Koopal en bepsêger Johan Broekens
7 Klaasje Koopal-Koopal
8 Klaasje Koopal-Koopal (rechts) foar de Groate Kerk
9 Klasy en Jehannes met kiinskyn Klaasje Broekens
10 en 11 graven Tæke Sybrands Koopal en Grietje Alberts Rooda te Froubuurt
12 Gerrit Hendriks Germeraad, Sybrand Tækes Koopal en Albert Tækes Koopal foor ’t Gemeentehuus in St.-Anne
13 Sjoerd Johannes Koopal
KOLLEKSJE KOOPAL-KOOPAL
Skinking Klaasje Haitink-Broekens, Elburg
Dit is Hette Pieters Hettema
* Sybrandabuorren 1797 † Bitgum 1882
x Raarderhim 1820 Grietje Doekes Hellema
* Wurdum 1798 † Hallum 1835,
dochter fan Doeke Wygers Hellema, boer op Barhûs te Wirdum, en Lysbeth Hendriks Palsma.
Hetteboer, sa’t hy neamd wurdt, hat hjir in prúkje op.
Dizze fjoerfretter en tagelyk devoat man is jildsjitter fan ’e Kristlik Grifformearde tsjerke yn Hallum en Bitgum.
Hy buorket û.o. op Sate 3 oan ’e Langhústerwei yn ’e Súdhoek fan St.-Anne (sjoch foto) en lit dêr yllegaal preken hâlde dêr’t er oanienwei fiks foar beboete wurdt. Hy skriuwt dêroer yn syn drukte memoires.
Sy pakesizzer Hette Tjitzes Hettema is yn 1898 de grûnlizzer fan it partikuliere ierdappelhannelshûs Hettema Zonen, yn 1999 fuseard yn HZPC, mei de eardere aartsrivaal ZPC, Zaaizaad en Pootgoed Coöperatie.
Hette Pieters Hettema
Hettema regeart yn eigen tsjerklik keninkryk. In konfrater-âlderling smyt him foar de fuotten: Hettema! Jo hoanne moat altyd kening kraaie.
As jildsjitter is Hettema er ûndernimmer op mêd, ek is er altyd âlderling, synoadelid (de heechste tsjerklike fergadering, konsily) en oefener, lekepreker, foargonger by tsjerketsjinsten.
Syn Christelijke Gereformeerde Kerk is fan steatswegen ferbean. Hettema giet yn 1839 mei in grifformearde broeder – Hogendijk fan Ferwert – op audiïnsje by koaning Willem I om de ‘zaak waarvoor wij staan’ te bepleitsjen mei in rekwest.
Hy skriuwt dêroer yn syn memoires:
De koning beloofde ons, de zaak te zullen onderzoeken, en verklaarde dat het zijn voornemen was te zorgen, dat er zoo spoedig mogelijk verandering in de zaak kwam./…/
Of onze reis iets gebaat heeft, kan ik niet zeggen, daar alles denzelfden gang ging, ofschoon met verzachting in het toepassen der straffen.
De Christelijk Gereformeerde Kerk giet yn 1892 fierder mei de Nederduits Gereformeerde Kerk yn ’e Gereformeerde Kerk.
Yn 2004 komt de Protestante Kerk in Nederland - PKN - ta stân (as fuzy tusken de Nederlands Hervormde Kerk, de Gereformeerde Kerk en de Lutherse Kerk).
Hettema syn pakesizzer, Hette Tjitzes Hettema, is allyksa ûndernimmer, mar dan op it gebiet fan ’e setters. Hy is de grûnlizzer fan it partikuliere ierdappelhannelshûs Hettema Zonen, sûnt 1898.
De fuzy yn 1999 tusken Hettema Zonen BV - weareldwiid ien fan ’e grutste partikuliere firma’s yn ’e setierdappelhannel - mei de eardere aartsrivaal ZPC (Zaaizaad en Pootgoed Coöperatie) yn HZPC is in opmerklike saak op ynternasjonaal nivo. It partikulier inisjatyf stie lang lyk foaroer it koöperative miengoed.
KOLLEKSJE HETTEMA-HELLEMA
Skinking Erven Brouwer-Hettema, Bitgum
Nalatenskap Rienks-Bierma
Goed út ’e nalatenskap fan
Klaas Symens Rienks
* St.-Jabik 1871 † Luwt 1929,
boer an ’e Kouweweg onder St.-Jabik, feefokker;
foorsitter Watermolenpolder ’t Oud Bildt
x ’t Bildt 1894
Antje Watzes Bierma
* Ouwesyl 1871 † Luwt 1941
Hier siene je onder ânderen:
- foto-albums
deuze boeken lêge nou nag bra út‘nander.
maar Erfgoed Fundaasje laat se restaurere
- foto-album steenfebryk Fa. W. en K. Bierma
Watze * Froubuurt 1843 † Luwt 1919
en Kornelis Hessels Bierma * Ternaard 1846 † Ouwesyl 1912
hewwe fan 1876-1919 ’n steenfebryk anneks hannel in boumaterialen an ’t Roadpâd onder Ouwesyl
- ’n muzykboeky in handskrift fan Anne Rienks-Bierma, 1880
- ’n opskriifboeky met fersys, fan Tryntsy Watzes Bierma
* Holwert 1821 † Ferwert 1908
x 1 Theunis Goffes Jensma
x 2 Dirk Jans van der Meij
- ondertrou- en bezitekaartsys
- handskreven menu op ’e brulloft fan Tryntsy Klazes Rienks
* St.-Jabik 1895 † Luwt 1988
x 24-5-1916 Dirk Kornelis Mulder van Leens Dijkstra
* Wier 1894 † Noordbergum 1978
- kleurewaaiers met feestlietsys op ’e brulloft fan Eeltsy Jans Rienks * St.-Anne 1876 † Bergum 1944
x 1907 Jetske Jarigs Palsma * St.-Anne 1882 † Bergum 1949
No. 4
’n Bilts Lietsje.
Wiese: Boalserter Merke.
Te Sint Jabik an ’e Ouwediek, der weunde Eeltsje Jans
Die had goed order op sien lan,
Fan koies, peerden ok festan!
Ja wel festan, ja wel festan,
Kortom, hij waar wat mans.
Maar hij waar altied nag frij frijfaint en kon soms kortweg sê:
‘Ik trouwe? Neê, der komt niks fan
Want ’t wief het faak ut broekie an!
Ut broekie an, ut broekie an!
Ik mot er niks fan hê!’
Maar op un keer kwam Eeltsje op Froubuurster Wuttelmet,
En soo as dat dan wel us gaat,
Doe raakte hij der an ’e praat,
Wat an ’e praat, wat an ’e praat,
met Jarig Erriens Jet.
Sien broer die trof ut later faak, dat ie stil erhiene sat.
‘Dien bekkie is aans nag al fiks,
Mar nou,’ sai Klaas, ‘nou saiste niks!
Nou saiste niks, neê suver niks!
Seg, haite, skeelt dij wat?
4.
Oan de Jonge Ljue.
Wize: Wie Januari geboren is.
Der wier’ is in feintsje, bij ús wol bekind, ja, ja,
Dy sprong op in kear út it fel omtrint; ha, ha
Hy seach er in famke, sa mûtel en skien,
Dy bracht him de holle alhiel op de rin,
Ja, ja, ensfh.
Foto’s út ’e foto-albums Rienks-Bierma:
De plaats fan ’e Rienksen an ’e Ouwedyk in ’e Westhoek onder St.-Jabik.
An ’e Ouwedyk staan de meeste plaatsen beoasten onderaan de dyk en de erbaaiers- en fissershússys bewesten op ’e dyk.
De weg is bij de inpoldering fan ’t Bildt in 1505 anlaid, 12,1 km lang en het ’t hoogste huusnummer in Friesland: 1229.
Syds Heins Hoogerhuis (St.-Jabik 1872-1942) en syn frou Hinke Alles Kaper (St.-Jabik 1858-1937), erbaaiers fan ’e Rienksen foor hun onderkommen an ’e Ouwedyk onder St.-Jabik teugenover de plaats.
’t Peerd is besit fan ’e Rienksen.
Hieronder ’n lietsy foor de broadnoarige berusting, 1920:
Een huis van hout, een huis van steen,
een woning groot, een woning kleen,
bij schrale kost of overvloed,
zooals de Heer het geeft is ’t goed.
Zoo slechts de Heere bij mij woont,
mijn arbeid met zijn vreê bekroont,
al is mijn woning dan een kluis,
Hij maakt het tot een koningshuis.
Achterop ’e kameel: Lolkje Watzes Bierma, noemd Lo.
(Ouwesyl 1868-Luwt 1940), suster fan Anne Rienks-Bierma.
Lo maakt ’n weareldrais, hier is se erges in Afrika.
KOLLEKSJE BRAAKSMA-RIENKS
Skinking Minne Ruurds Braaksma, Luwt