Ate de Jong fertelt oer syn wjerfarren yn ’t Frysk en Frij-perk, 7-2-2020
Begjin jierren santich socht ik kontakt mei Frysk en Frij, of oarsom. Wêr‘t ik doe oer skreaun haw wit ik net mear, mar it wie yn de tiid fan Klaas Jansma en twa dingen binne my bybleaun.
Klaas betelle my mei boeken. Hy hie in doaze fol moaie printeboeken op ´e kop tikke en dêr krige ik in pear fan. En ik haw in kear in moai petear mei him hân. Of petear, miskyn wie ´t wol in preek fan myn kant. Wy hiene ´t oer ferskillen tusken ús. Ik konkludearre oan ‘t ein: “Ik bin mear sosialist as sjoernalist, en by dy is ‘t krekt oarsom.” Mysels kennende ha ‘k dat grif nochal normearjend sein: Klaas soe ek wat linkser yn ’e weareld stean moatte. Klaas foel net om fan myn ferwyt.
No, fyftich jier letter soe ‘k dat sa net mear sizze. Ik bin noch hyltyd links, mar wurdt selden rekke troch linkse politisy. En goed sjoernalistyk wurk rekket my ten djipste. Ik bin in grut fan fan mannen as Frénk van der Linden en Coen Verbraak en ek fan de jonge minsken fan de Correspondent – sy soargje dat ik optymistysk yn it libben stean bliuw.
Pyt Jetze Faber en Hotze Schuil
Ien fan myn moaiste ferhalen foar Frysk en Frij skreaun ik yn july 1989. It gong om de striid om it heechste plak yn it Keatsklassemint fan Alle Tiden. Hotze Schuil stie hast tritich jier oan ’e top mar it waard hieltyd dúdliker dat Pyt Jetze Faber him wolris pakke koe. Dêrom helle ik beide mannen byelkoar foar in petear – yn de Bogt fansels. Ik fûn ‘t akelich spannend en dat skreaun ik ek: “Ik tocht dat ik net botte keningsgesind wie, mar by dizze keningen is dat oars: ik bin al jierren in grutte fan fan Pyt Jetze (mar ha noch noait mei him praat) en allinne al de stim fan Hotze, in wike lyn troch de telefoan, makke my senuweftich. Dan sjoch ik him wer stean op it Sjûkelân, wer krekt te plak fansels, twa punten binnen en de hân komt even triomfearjend omheech.”
Beide mannen hiene wolris in wurd meielkoar wiksele, mar foar ‘t earst praten se lang meielkoar. It wie in histoarysk petear.
Der kaam in soad oan ‘e oarder: hichte- en djiptepunten, idoalen, erotyk, rituëlen, mar oer it klassemint praten beide mannen net graach. Logysk fanút Pyt Jetze, dat gepraat lei mar druk, en Hotze woe ek wolris fan dat geouwehoer oer dy punten ôfweze. Hy beloofde Pyt Jetze in bosk blommen at dy him paseare soe.
Anton van der Ploeg makke moaie foto’s. Hannie Kamstra fan ‘e Bogt soarge foar woarst en tsiis. En Frysk en Frij fassilitearde it allegear – ek al hite dat doe noch net sa. It ferhaal ferskynde yn in keatsbylage fan Frysk en Frij op 29 july 1989.
De lêste punten
Hotze hood wurd, mar god wat moasten dy lêste punten foar Pyt Jetze fier wei komme. It jier dêrop, yn Bitgum soe ‘t barre kinne, mar it slagge net. Dan mar yn Tytsjerk, no way, Penjum dan, ek net… úteinlik pakte Pyt Jetze syn beslissende punten yn Achlum. En Hotze wie der by, mingd boskje blommen mei. Pyt Jetze bedankte Hotze en dêrnei – tekenjend foar de beskieden foarynse – syn maat Sake Saakstra: “Ik ha dit net allinnich dien.”
Frysk en Frij kaam opnij mei in keatsbylage, of better sein: trije. Want fansels moast de beslissende slach deryn stean, mar omdat dat sa lang duorre waard der hyltyd in nije foarpagina makke: “Pyt Jetze Faber by de magyske grins fan Hotze Schuil” waard: “Pyt Jetze Faber no op punten nûmer ien.”
Ik wit net hoe’t Goasse Brouwer dat doe allegear regele hat, mei dy bijlages, mar wy woene aktueel wêze, wy gongen der 100% foar. En dat slagge.
Ulbe Hannema vs Anne Krikke
Foar dy earste keatsbijlage, yn 1989, mocht ik noch in stik skriuwe. Oer de affêre Hannema versus Krikke nei de PC fan 1988.
Ulbe Hanne wie doe PC-foarsitter. Anne Krikke karmaster. Krikke wie en is gek fan it spul, oaral yn Fryslân stie hy op de foarline. De PC wie ek foar him fansels it heechste. Under de finale hoegde er net te karmasterjen, hy siet yn ’e tribune, mei evensagoed in goed sicht op de foarline. Op syn plakje stie Piet Schuil.
It gong tusken Peter Rinia, Johannes Brandsma en en Tunno Schurer oan ’e iene kant en Sake Saakstra, Pyt Jetze Faber en Hotze Rusticus oan ´e oare. It wie in bloedspannende partij.
Op 5-5 en 4-4 joech Schuil de bal yn. Oaren seagen him foar. Krikke ek en dy sei dat doe‘t in sjoernalist fan de L:jouwerter Krante him der nei de partij nei frege.
Dat hie Krikke net dwaan mocht fûn Hannema. Hy hie him ûnthâlde moatte fan kommentaar. Krikke moast him ferantwurdzje foar trije PC-hearen en doe‘t er net djip genôch troch it stof gong – it die him tinken oan Domela’s tiid – waard er útsluten fan it karmasterkorps. Foar Krikke in ramp. Wiken lei hy der wekker fan.
Gryt van Duinen bemoeide har dermei en skreaun mei Krikke in wiidweidige ekskúsbrief. Mar de PC bleaun by har standpunt. Frou Krikke sjoerde in emosjonele brief, mar dy kaam ticht werom. God, wat hie ik de hel yn op dy Hannema. Ik skreaun in fel stik foar dy keatsbylage oer “it betonnen bolwurk dat PC-bestjoer hjit.” Doe‘t ik klear wie, om in oere as alve jûns, drukte ik op de ferkearde knop. Ferhaal gewist. Ik sil wol best flokt hawwe, mar ik bin fuort opnij begongen, ta de nacht út. Ik hie toch net sliepe kinnen. It ferhaal is der grif net minder fan wurden.
Tanksij Jan van der Meij, opfolger fan Hannema, is ’t letter wer goed kaam tusken de PC en Anne Krikke. Tusken my en dy Hannema net.
Sympoasium 100 jier Frysktalige sjoernalistyk
“Do siest doe ek yn it foarum oer 100 jier Frysktalige sjoernalistyk, yn 1990,” sei Goasse. Klopt. Mei wichtige mannen as Hylke Speerstra, Wio Joustra, Martin van Amerongen en Heinze Bakker en fansels ek in frou: Sytske van Aalsum. Fanwege dy nammen wie ’k senuweftich. Mar fierder wit ik der neat mear fan. Allinne dit. Ik siet nêst de superyntellektueel Martin van Amerongen fan de Groene Amsterdammer. Hy spruts sûnder oantekens foar ‘t faderlân wei.
Ik hie my heel goed taret. Foar my lei in útfoud A3-ke mei alle arguminten dy‘t foarby komme koene en derûnder puntsgewiis myn fizy.
Ik wit noch dat ik tocht: “Wat soe Van Amerongen fan my fine, mei al dy oantekens?”
Doge en net doge, in skimergebiet
Yn maaie 1995, 50 jier nei de befrijding, kaam Frysk en Frij – yn de nije foarmjouwing – mei in bijlage. Ik mocht in lang artikel skriuwe oer: “Doge en net doge, in skimergebiet / Foarby de grinzen fan goed en fout.”
It waard in skerp, earlik stik – ek oer de fraach at ik sels wol dooch. Al myn erfaring fanút it FAFK, it Frysk Anti-Faksisme Komitee, lei ik deryn. Jan Jan Pieter Janzen, dy’t oan datselde nûmer meiwurke, sei dat er it in moai stik fûn, fral dy selskrytyk. Fûn ‘k moai om te hearren, want ik fûn Jan Pieter in aardich mins.
Ik ha ’t no wer ris werom lêzen. En dan ferbaas ik my oer it koarte kollektive geheugen yn dit lân. Wat hiene wy doe in heldere fizy op rasisme en seksisme. Minsken dogge – mei #metoo en no mei The Voice – krekt as hawwe se wat nijs útfûn.