Klaas Jansma hellet op

Wat wie jo driuwfear om yn 1972 redakteur te wurden by Frysk en Frij?

Myn earste driuwfear wie om foar in part as wurkstudint myn eigen lean te fertsjinjen.
It sil yn augustus 1971 west ha dat Marinus de Boer, de r.k. sjef Provinsje Redaksje fan it Friesch Dagblad, my nei Henk de Boer yn Kûbaerd stjoerde om oer wat nijs te praten. Oanlieding wie myn stik yn ‘e Strikel oer moaie doarps- en streekkranten, benammen Kontakt yn Wûnseradiel. Dêr hie De Boer ek nochal wat mei op. Ik lies dy krante mei nocht. Yn maaie 1970 hie ik njonken Geart Ringnalda fan Eksmoarre yn ‘e bus sitten en wy wiene it wakker iens oer de Amerikanen yn Vietnam, de macht fan it Grutkaptaal, de ferkearde needrigens fan Friezen en de moaie speech fan Maria de Groot fan Sleat. Guon fûnen dy doe skandalich, wy net.
Myn twadde driuwfear hie wat idealistysks. Ik woe in Frysker en grutsker Fryslân, graach linksich as it koe, miljeubewust. FNP-achtich suver. Wy leauden deryn. Epy van der Veen fan Burgum hie in idee om yn fiif jier Fryslân folslein Frysk te meitsjen. Dat wie doe in revolusjonêr idee, mar it like ús bêst mooglik en in goed idee. Henk de Boer ek, hoewol’t dy sa linksich net wie.

Wat wie de rol fan De Boer op ’e achtergrûn?

Henk de Boer wie CHU’er, hy en de (Hollânsktalige) frou hiene wat yn ‘e holle: in nij blêd oprjochtsje. Hja hiene doe leau ’k De Skille [streekblêd foar Hinnaarderadiel] en seagen kânsen yn in nij provinsjaal subsydzjeregeling mei in grouwe fergoeding de lêzer. Mei in knap beslach op ‘e periodikeregeling fan ‘e PTT koe it mei 650 abonnees al út, as it my net mist. Dat koe dan nei 1 jier. It earste jier hiene se oan 10.000 gûne genôch. Dat jild moast komme fan sponsoaren. Gerben en Sjoukje Abma-Bakker joegen elk hûndert gûne, dat skeat al moai op. Letter is Gerben myn maat wurden. Yn 1974 skreaune wy tegearre in nije Encyclopedie van het Hedendaagse Friesland fan Melis van Seijen.
De Boer wenne yndertiid oan ‘e Petronella Moensstrjitte yn Kubaerd en hy wie wakker dwaande mei in nij hûs dat er bouwe woe. Meinte Abma, doe boargemaster fan Hinnaarderadiel, hie sein dat soks goed wie foar it selsbetrouwen fan ‘e Kûbaerders, om’t it sa’n grut hûs wie.
Henk de Boer wurke doe by de Ljouwerter Krante op ‘e provinsjeredaksje. Hy smookte goedkeape sjek, it iene sigaretsje nei it oare. Jan en Peter, syn soannen, bewarren foar my bokjes.
Wy hiene sawat alle wiken, miskien wol ien kear yn ‘e twa wike, in gearsit by him thús. Wy, dat wie ik dan, Tsjêbbe Jan Broersma fan Drukkerij Visser & Broersma, Henk syn frou en de jonges. Der wie ek noch in ûngelokkich jonkje, syndroom fan Down leau ‘k.
Sawat om ‘e wike krigen wy doe in Brief fan Jacobus, neamd nei Jacobus van Loon, de nammejouwer fan de Stifting dy ’t Frysk en Frij útjoech.
Jacobus wie dus Henk de Boer, skepper en skriuwer, de man dy ’t alles yn it geheim yn kalk en semint sette. It wie moai dat Visser & Broersma der mei har ferâldere spul yn Kollum belang by hiene, De Boer syn frou de administraasje dwaan woe en in bestjoer him yn syn dwaan en litten stypje woe en sels it bestjoer fan de Stifting Jacobus van Loon foarme – dat hy koe op ‘e eftergrûn bliuwe.

Jo hawwe it bestjoer al wat beljochte yn ús tillefoanpetear (6 febrewaris 2022), graach mear.

Ik wie dan wol einredakteur yn spee, mar eins mear in strieman fan De Boer en it bestjoer dat er opset hie: Anne Bokma, Rindert Straatsma, Marinus de Boer, Sybren Sybrandy en Liuwe Bouma. It wiene de minsten net, en tige Frysksinnich en wy hiene op ’t lêst (fan 1971) hast alle wiken fergadering (op moandei, leau ’k). Eefkes letter koe ik fan Tom Bijkerk fan ‘e provinsje, hy siet doe yn it Roomsk Frysk Boun, foar 25 gûne yn ‘e moanne in soarte fan antykraakhier krije oan ‘e Ossekop 11, it lettere haadkantoar fan Anker & Anker. Ik ha dêr fan july 1972 oant oktober 1973 wenne; net allinne mar tegearre mei Feikje. Dy hat noch in fearnsjier by my wenne op Sigerswâld yn Garyp en is doe útnaaid. Dat wie op sneon 19 jannewaris 1974. It hûs hie ik foar 22.000 gûne kocht fan Broar Deelstra nei’t ik it by myn earste skûtsjesilen op ‘e Feanhoop te keap stean seach.
Hoewol’t ik doe yn 1974 gauachtich ferkearing krige mei Doutsje, dêr ’t ik yn jannewaris 1976 mei troude, haw ik der letter noch in soad pine fan hân, benammen dat it allegear sa hookstrooks gong, yn myn eagen. Mar wy hiene al lang neat mear, moat ik tajaan.

Wat wie jo honorarium troch de jierren hinne?

Yn 1974 soe ik studearje. By Frysk en Frij koe ik as wurkstudint myn eigen lean fertsjinje op in beleanning fan 250 gûne it nûmer mei dêrboppe noch 1 gûne de wûne abonnee. Dy gûne betelle de abonnee sels. It gong der fansels om gau boppe de 650 te kommen en dat slagge mei it gûne-abonnemint omraak.
It blêd ferskynde earst ien kear yn ‘e moanne, 11 kear yn ’t jier. Troch de abonneewerving kaam ik op sa’n 400 gûne yn ‘e moanne. Mei de bernetaslach fan ús âldelju (250 gûne) en wat korrespondintskippen koe ik der as wurkstudint skoan fan komme, al socht ik wol heal skimmelige sinesapels fan ‘e merk op Westerhaven yn Grinslân. Ik fûn der ek wol noch ytbere griente, lykas heal ferrotte komkommers of slaad. Streksum iten as men it wat útsocht. Mar foar fjouwer gûne hie men in folslein miel iten yn ‘e mensa. Fjouwer kear wyks, dat wie sûnder de fakânsjes noch gjin 200 yn ‘e moanne. Ik ha mar ien kear hielendal troch it jild hinne west. Doe haw ik foar 25 gûne myn âlde sulveren dûbeltsjes en kwartsjes ynlevere. Gjin ferkearde hannel. No haw ik noch gâns postsegels, dy’t neat mear wurdich binne, en in prachtige samnling boeken, idem.
Boppedat soe ik noch in 25% foar advertinsjes krije, dy mocht ik ek ferkeapje.Mar klean kosten ús doe suver neat en frou Verstappen dêr’t ik wenne, wie wiis mei my as der wer in TBS-er ûntsnapt wie. Dat kaam gauris foar. Ik studearre andragology. Nea ôfmakke, om’t ik it te drok krige en dêr te folle mei fertsjinne.
It doel wie om alle kearen dat F&F ferskynde ien plak of regio sintraal te stellen. Dat smiet dan wat ekstra regionale advertinsjes op en wie fansels goed foar de abonneewerving. Ik soarge dan dat der in mennich rûnbrocht waarden, sis mar 750 per kear, en gong der op it brommerke bylâns om de nammen op te skriuwen. Rotwurk wie it, mar ik helle moai wat op.

Wa die yn jo tiid de administraasje?

Frou de Boer die de administraasje en hie offisjeel it risiko ek. Mar der wie, sjoen de subsydzjeregeling, eins gjin risiko, of it moast it mooglike ûntslach op steande foet fan Henk de Boer wêze. Want sok dwaan as mei Frysk en Frij wie fansels yn striid mei syn arbeidskontrakt en it like fierder ek nearne nei. Jehanneke Liemburg dy ’t foar him oer siet op ‘e LC-redaksje, wie der jierren letter nóch poerrazend om.

Wa die de werving fan ’e advertinsjes? Visser & Broersma? Of wie der ien apart foar oansteld, mei provyzje?

De advertinsjewerving kaam fan alle kanten. Visser & Broersma, bestjoersleden, Henk of frou De Boer en iksels. Hja sille allegear wol sa ‘n 25% krige ha as se ien oan ‘e heak sloegen. My heuge twa rare dingen. Ien dat ik fan Van Seijen in sidegrutte advertinsje opnaam ûnder it motto Friese Boeken zijn te duur, wat Rink fan der Velde en Rients Gratama doe ferskriklik fûnen. Dat seine se by it begjin fan ’e earste Boekesutelaksje yn Ljouwert.
In oar aksidint wie dat ik nijjiersadvertinsjes de millimeter ferkocht, mar se yn sentimeters opmeitsje liet. Sa kamen Klaas en Feikje as nijjierswinskers mei in lyts advertinsjetsje oan in hiele kolom. Dy sil noch wol betelle wêze ek.

Hoe waarden dy lju betelle?

Frou de Boer soarge der tige sekuer foar dat elkenien op ‘e tiid betelle waard en as abonnee opskreaun. It wie yn it rare wat wy derby krigen, tûzenen.

Jo beskriuwe min ofte mear de formule fan Frysk en Frij yn nûmer 1 fan 1972. Under oaren stelle jo: Mar úteinlik is it in part fan ús opdracht inoar in bytsje lokkich te meitsjen.
Hokke sjoernalistike formule hienen jo foar eagen? Famylje èn opinyblêd?

In echte sjoernalistike formule hie ik eins net yn gedachten en Henk de Boer eins ek net, net ien fan ús. Straatsma woe mei LHB [foarsitter Liuwe Bouma] en Sybren Sybrandy wol opiniearje, ik woe sels de fris en fleurige kant wol op en Marinus de Boer en Anne Bokma hiene wat mear in sjoernalistike ynslach. Ik wie fan dat alles neat. Wat nayf sis mar, al koe ik wol aardich skriuwe, wat ik doe ek foar it Friesch Dagblad geregeld die.  

Yn dit ferbân, yndertiid waard oppere dat de Wytske (dy’t swier traumatideard weromkomt út in ferfelende kommune), op ’e foarside fan it earste nûmer fan Frysk en Frij net fan flesk en bloed wie, mar optocht. Kloppet dat? En sa al, wie Frysk en Frij yn it begjin wat maklik yn soks?

Oer Wytske hie Marinus de Boer skreaun, ‘ik fielde my sa goedkeap as in sint’. Hja sil wol optocht wêze, ik wist oant it ferskinen ta net dat it deryn kaam en it sei my ek net folle. Marinus wie ommers bestjoerslid en Henk de Boer fûn it goed, dat it soe wol sa wêze. Ja, wy wiene o sa maklik.

Wêrom binne jo by Frysk en Frij weigongen?

Ik krige it stadichoan drokker mei korrespondintskippen, bygelyks by de Lemster Krante, it Friesch Dagblad en it Nieuwsblad van het Noorden. By Frysk en Frij waard it ek drokker doe’t it moanneblêd fan it begjin op ’t lêst twa kear yn ‘e trije wiken ferskynde, ja sels in wykblêd wurde soe.
Doe kaam de redaksje fan De Pompeblêden fakant en neffens Straatsma moast ik dat ha. Soks wie krekt wat foar in wurkstudint. Dat ik skreau derop en tocht it te krijen ek. Dan koe ik mysels hielendal bedrippe, nei’t ik as earste propagandist fan de Stifting It Fryske Boek yn 1973 al moai fertsjinne hie (1500 gûne yn ‘e moanne foar heale dagen). Mar op it alderlêst, ik leau trije dagen foar it sluten fan de termyn, skreau Henk de Boer derop en dy ried my derôf. Hy hie fansels gâns bettere papieren, dat dêr hie ik wol frede mei.
Mar doe haw ik ek mar foar myn eigen belang keazen mei in korrespondintskip foar Het Parool. Ik hie ûnderwilens ek wat leard, fertsjinne aardich mei de skriuwerij (77.000 gûne yn 1977 mei 30 oeren wurkjen yn ‘e wike) en hie gjin ferlet mear fan Frysk en Frij, hoewol’t ik noch wol tige Frysksinnich wie doe. It blêd waard my ek wat te goedkeap en it wie net sjoernalistyk genôch – mar dat lei him ek oan mysels. Dat it wat stûke mei de abonnees sil dêr ek wol fan kommen wêze.

Yn 1991 wienen jo gadingmakker om Frysk en Frij oer te nimmen. Jo stelden dat PENN in wykblêd foar in ton útjaan koe. Neffens bestjoer en redaksje doe koenen jo dat finansjeel net ûnderbouwe. Hoe siet dat eins?

Yn 1991 hie ik F&F wol oernimme wold as ik de besteande redaksjeleden [Goasse Brouwer, Jelma Knol en Johan Oppewal] mar ûntslaan mocht.
Fêste lêsten wiene my te ûntrochsichtich en by einsluten te djoer, hoewol’t de beide redakteuren dy’t doe it measte skreaune, wol wat koene. Mar ik hie wat hurdere sjoernalistyk ha wold, mear primeurs.
Janny Vlietstra, doe foarsitter fan Frysk en Frij en wethâlder fan Ljouwert en PvdA, woe dat net. Wy hiene as buro PENN  mei in pear goede krêften wol eigen stikken skriuwe kind, dat hie it measte net koste, tocht my. Efternei tink ik dat ik dat mis hie, sa maklik wie it net, doe net en no noch net.
Mei fernijde technyk koe it printsjen en ferstjoeren ek in ein goedkeaper, wie myn oertsjûging. Dat hie ik wol globaal oanjûn, mar om’t Vlietstra c.s. al by foarbaat net iepen mei ús prate woene, is der fan in ûnderbouwing neat kommen – ek al net om’t de redaksjekosten der swier yn hongen. Dat earste wie dan letter foar it bestjoer fan F&F ek in moai ferlechje om fan ús ôf te kommen. Efternei besjoen muoit my dat net, mar doe al fansels.

Wurdt fuortset