Erfgoed Fundaasje leit Durk van der Ploeg op 30-1-2022 wat fragen foar oangeande syn tiid by Frysk en Frij. Van der Ploeg mailt as antwurd, 31-1-2022, 18:00 oere (by dizze skiedsskriuwing kinne betiden tiid en oere rieplachte wurde):
Achte hear Brouwer,
Jo hawwe nochal wat noaten op ’e sang. It is my fierstefolle wurk om al dy dingen fan likernôch 55 jier lyn op te skriuwen. In hiel soad dingen kin ik gjin antwurd op jaan omdat der organisatoaryks neat regele wie. Ik die wat ik koe om elke wike wer in wykblêd te meitsjen. De mooglikheden dêrta wiene beheind omdat ik safolle administrative dingen byhâlde en útfiere moast dat ik klauwen hie de redaksjekolommen fol te krijen. Boppedat hie ik frijwol gjin meiwurkers. En ik hie net de beskikking oer journalistyk materiaal dêr’t ik út putte koe. Ik hie gjin tiid om derop út. Wat ik dwaan koe wie telefoanysk. Der wie net in ferfiersmiddel. Ik siet fêst oan in stoel. Letter bin ik der efter kommen dat jo fan in stoel net in goed wykblêd meitsje kinne. Boppedat hie ik in ‘haadredakteur’ Pieter Terpstra dy’t my gauris op tongersdeitemiddei witte liet dat der gjin bydrage fan him kaam. Dan moast ik sels mar in soarte kommentaar skriuwe oer wat ik yn ’e Ljouwerter Krante lêzen hie, of wat ik út myn ûnthâld opdjippe, omdat ik net de beskikking hie oer in protsje landelike blêden. It wie om koart te gean ien en al earmoede. Der wie in advertinsje-akwiseur, mar dat smiet net folle op. Ik haw op in stuit tsjin it bestjoer, te witten Jan Bearn Singelsma, Ulrich Bottema en de hear Smeding sein, dat se, om net djipper yn ’e skulden te komme en mooglik in falliet tefoaren komme woene, se ophâlde moasten mei it útjaan fan Frysk en Frij. Ik haw my doe, troch eigen tadwaan, it brea út ’e mûle sjitte litten. En de fertsjinste hâlde net oer. En foar sa’n hûnbaan alhielendal net.
Dat is wat ik derfan sizze wol.
Mei achting,
Durk van der Ploeg
Yn in tillefoanpetear mei Goasse Brouwer de deis dêrnei meldt Van der Ploeg noch it folgjende,
1 febrewaris 20022, 10.00 oere:
Ik bin 91 en wol my allinne dwaande hâlde mei myn skriuwen, dêr ha ik it drok mei; al it oare wimpelje ik ôf.
Ik wol my dêr ek net mear yn ferdjipje. Ik ha dêr gjin geweldige gedachten oan, omdat it yn alles in freeslike earmoede wie. It hie winliken al yn 1964 opdoeke moatten, ik ha der ek mar twa jier west. Doe’t ik tsjin it bestjoer sei dat it dien wêze moast, wienen se der fuortendaliks klear mei.
It wie allegear geploeter om neat. Der wie in Van der Veen – nee, ik wit net hoe’t er fierders hiet en wat – dy’t rekkens stjoerde foar de advertinsjes en de abonnee-administraasje die en sa. Der kámen hast gjin nije abonnees! – en dy gongen der ek like hurd wer ôf.
Boucke Visser wenne boppe it kantoar fan Frysk en Frij op ’e Nijebuorren en dy brocht geregeldwei in tonielresinsje, mar ja. Fierders wit ik neat fan dy man, ik ha ek noait by him yn ’e hûs west. Dat er in wêzentlik oanpart yn it fuortbestean fan Frysk en Frij hie, neffens publikaasjes fan doe? Dêr is my neat fan bekend.