Foarwerp: Sulveren tinkleppel mei inisjalen
Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters: A.S.
Stâltype: flochten
Stâlbekroaning: de Leafde
Lingte: 19,2 sm
Gewicht: 55 gram
Masterteken: gjin
Jiermerk: V=1855
Bewarring: A. Kramer-de Boer, St.-Jabik (2017)
Sulverdeskundige: Jan Schipper
Fotograaf: Jaap Schaaf/Het Hoge Noorden
De inisjalen A.S. kinne stean foar in foarnamme en patronym (heites foarnamme) òf foarnamme anneks achternamme. It earste leit yn ’e midden fan ’e 19de ieu yn Fryske boerefermiddens meast foar de hân. De achternamme wurdt dan almeast gewoanwei net brûkt.
Dit sulverstik komt út de famylje Van der Weg en is grif oerurven út de Van der Hems. It kin dan gean om de inisjalen fan:
Anne Sjoerds van der Hem * De Him ûnder Wurdum 25-4 1840 † Wurdum 5-12-1910, greidboer op De Him ûnder Wurdum, x Ljouwerteradiel 29-4-1882 (42 en 20 jier) Yfke Gerbens Heslinga * Dronryp 6-8-1861 † Wurdum 12-9-1935, dr f. Gerben Mattheus Heslinga, boer te Dronryp, komelker te Goutum, en Tettje Fokkes Fokkema.
De leppel is makke yn 1855. Anne hat him mooglik yn dat jier krigen, op syn fyftjinde jierdei? Miskien komt soks út oerlevering noch foar ’t ljocht.
Sjoch foar him: Martens, Trientje en Koldijk.