Foarwerp: sulveren leppel mei geboarte-ynskripsjes
Ynskripsje om de râne hinne fan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters:
Den 28 December 1802 is geboren Reimer Gerbens Brouwer
Den 31 December 1856 is geboren Reimer Gerbens Brouwer
Den 7 April 1912 is geb. Reimer Gerbens Brouwer
Oan ’e binnenkant:
Rense Ulbe 1 dec. 1980
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: hynder mei ruter?
Lingte: wurdt noch opjûn
Gewicht: idem
Masterteken: idem
Jierletter: idem
Bewarring: partikuliere kolleksje (2017)
Sulverdeskundige: Jan Schipper
Fotograaf: Freek Zwart
Famyljeferbannen fererving
Reimer Gerbens Brouwer * Sate 3 Súdhoek St.-Anne ûnder Bitgum 28-12-1802 † Sjoelema state op Koutum te Menaam 16-9-1871, bouboer dêr, sn f. Gerben Klazes Brouwer, eigenerfd bouboer op Sate 3 yn ’e Súdhoek fan St.-Anne, adjunkt maire fan It Bilt, tsjerk- en earmfâd, en Aukje Reimers Koopal, dr f. Reimer Sjoerds Koopal en Jeltje Wopkes Tolsma, sjoch hjirûnder; x Menameradiel 12-11-1828 Jantje Rinses Haadsma * Easterbierrum 7-1-1806 † Skrâns ûnder Huzum 2-12-1878, nei de dea fan har man rintenierske yn ’e Skrâns, dr f. Rinse Ages Haadsma, bouboer te Easterbierrum, Minnertsgea en op Donia state (earder Hemmema) te Menaam ûnder Bitgum, en Botje Tanes Faber
Sjoch:
Erfgoed Fundaasje – Genealogy Brouwer
Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal/Koopmans
Frysk Kertiersteateboek – Brouwer-Damsma
pakesizzer:
Reimer Gerbens Brouwer * Bessebuorren te Menaam ûnder Bitgum (it doarpsgebiet fan Menaam rûn dwarstroch de Bitgumer terp hinne) 31-12-1856 † Bitgummole 28-11-1929, bouboer op Grut Fellingwurd te Menaam ûnder Bitgum, lid Burgerlijk Armenbestuur fan Menameradiel, sn f. Gerben Reimers Brouwer, gernier-boer op Bessebuorren, eigner en ôfgraver fan ’e terp Bessum, en Brechtje Folkerts Damsma, skinkers fan ’e Nije Gripe oan keatsferiening Oefening Kweekt Kunst te Bitgum, x Menameradiel 13-5-1880 Trijntje Jacobs Gosliga, dr f. Jacob Klazes Gosliga, gernier, ierdappelkeapman en fuorman te Bitgummole, lid Burgerlijk Armenbestuur fan Menameradiel, en Dirkje Gerhardus van der Velde, tapperske dêr
pakesizzer:
Reimer Gerbens Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp) 7-4-1912 † Menaam (Nij Statelân) 2-3-2001, gernier te Bitgum, sûnt 1955 túnbouwer te Luttelgeest (Noard Oast Polder), gemeenteriedslid fan Menameradiel foar de Partij van de Arbeid 1947-1953, x Romkje Hannema * Wjelsryp 9-4-1915 † Menaam (Nij Statelân) 4-4-2007, dr f. Johannes Romkes Hannema, keapman en foeraazjehanneler te Wjelsryp, en fan Maaike Jans Goslinga
soan:
Gerben Reimers Brouwer * Menaam (op ’e Bitgumer terp) 14-12-1942, jurist
omkesizzer:
Rense Ulbe Brouwer * 1-12-1980, politikolooch, sn f. Johannes Ulbe Brouwer, psycholooch, wittenskiplik meiwurker Universiteit van Amsterdam, en Anske Both.
Ferneaming Reimer
Reimer: twastammige Germaanse namme, út regin = rie en mar = ferneamd: ferneamde riejouwer.
(Dr J. van der Schaar – Woordenboek van voornamen)
Reimer Gerbens Brouwer * 1802 is grif ferneamd nei syn pake fan memmeskant:
Reimer Sjoerds Koopal * Bitgum juny 1744 † foar 1788, boer yn ’e Súdhoek fan Froubuorren, tsjerk- en earmfâd, x Froubuorren 26-9-1773 Jeltje Wopkes Tolsma * Marsum 14-11-1747 † Súdhoek Froubuorren 28-5-1813, dr f. Wopke Doekeles Tolsma, boer te Marsum, en Wintje Hanses Bandert.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Koopal/Koopmans en Frysk Kertiersteateboek – Brouwer-Damsma
omkes:
Roimer Martens ~ Ingelum 15-9-1695, sn f. Marten Alberts, boer, keapman en skipper te Ingelum, en Auck Roymers
Roimer Martens ~ Ingelum 25-12-1696
Roimer Martens ~ Ingelum 14-4-1700 † wierskynlik nei 1740, N.H. lidmaat dêr 6-5-1729, x Ingelum 6-2-1733 Pytje Jans, fan Deinum † 1789 (pakesizzer Reimer Alberts * Deinum 1765 † dêr 1826 neamt him Swettema)
Yn it Ingelumer doop- en trouboek wurdt de namme no en dan ek skreaun as Reümer. Frjemde oanslaggen fan dûmeny? Mooglik hat de man tocht dat er de útspraak oi op dy wize it tichtste benei kaam.
pake:
Roymer Auckes * Wurdum 1641/42, mr timmerman te Ingelum, dêr diaken en âlderling, x 1 Ingelum 25-1-1668 Antje Foppes ~ Ingelum 9-4-1647, dr f. Foppe Tieerdts, te Ingelum, en Trijntje Martens
pake:
Roymer Tetmans † Swichum foar 1604, boer te Swichum, mei-eigner Wyggersmastate op Domwier ûnder Wergea, x Aeff Jelledr, boerinne te Swichum op ’e Pastorijpleats
pake:
?Roeymer Kempes † foar 1543, x? Rinske, boerinne, yn 1543 widdo te Wergea.
Yngeand ûndersyk nei de namme Reimer/Roimer/Reümer/Roymer/Roeymer is dien troch Gerben Wartena. Dy stelde fêst dat fierhinne de measte dragers fan Reimer yn ’e de Kleiboustreek har namme tebek te trasearen is op Roymer Tetmans. Sa is de namme ferneamendewei húsriem yn ûnder oaren de famyljes Faber, Heslinga, Van Ruiten, Strikwerda, Swettema.
In Reimer Strikwerda is haadpersoan yn ’e roman De wrâld is der op tsjin fan Piter Terpstra, Miedema & Co, Ljouwert, 1967.
Sjoch fierder: NVB – verspreiding voornaam Reimer – Meertens Instituut – KNAW