Foarwerp: Sulveren tinkleppel mei ynskripsje oangeande echtpear en geboarte fan twa oer-oerpake en beppesizzers
Ynskripsje horizontaal midden bûtenbak, yn skriuwletters:
C:V:G:
Y:D:
Ynskripsje om ’e râne hinne fan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters:
Jan Cornelis van Gelder Geboren Den 24 Maart 1835
Akke Corneles van Gelder Geboren den 3 November 1840
Stâltype: flochten
Stâlbekroaning: de Leafde
Lingte: 18,4 sm
Gewicht: 51,6 gram
Masterteken: JB =Jacob Boltjes, Ljouwert; wurket fan 1760-1783 Sjoch: www.zilverstudie.nl
Jiermerk: gjin; 3de fearnsjier 18de iu
Bewarring: A. Kramer-de Boer, St.-Jabik (2018)
Sulverdeskundige: Jan Schipper
Fotograaf: Jaap schaaf / Hoge Noorden
Kolleksje: Van Gelder
De inisjalen C:V:G: en Y:D: steane grif foar Claas van Gelder en Ytje Douwes – Stamrige I, hjirûnder, de oer-oerpake en beppe fan broer en suster Jan en Akke Cornelis van Gelder – Stamrige V2 en 3.
Sjoch ek: Erfgoed Fundaasje – Sulver – Koldijk, Trijntje Martens
STAMRIGE EN FAMYLJE-RELAASJES
I
Claas Cornelis van Gelder * Berltsum omstrings 1710;
x omstrings 1734
Ytje Douwes * Menaam omstrings 1712.
II
Soan:
Cornelis Clasen van Gelder * Berltsum 16-9-1735 † dêr 21-7-1813, hûsnr 98, 77 jier (neffens stjer-akte sn f. Klaas Klaases van Gelder, yn Notarieel argyf Berltsum 1818 allyksa; yn Notarieel argyf Harns 1818 abusyflik neamd Van Gelderen); by ferstjerren rintenier te Berltsum; Krelis en Sijke komme op 9-11-1806 út St.-Jabik yn Berltsum;
x
Sijke Gerkes * Marsum omstrings 1748 † Berltsum 5-4-1822, 74 jier; by ferstjerren rintenierske te Berltsum, dr f. Gerke Jacobs (Posthumus) x Marsum 25-10-1744 Rinske Douwes.
III
Soan:
Klaas Cornelis van Gelder * St.-Jabik omstr. 1768 † Furdgum 28-12-1820, 52 jier; 1796, 1806 te St.-Jabik; omstrings 1815 boer op sate 4 ûnder Furdgum; 1815 tsjerkfâd te Furdgum; keapet op 31-7-1819 sate, hûs en skuorre fan Tjeerd Klases Hibma te Nijlân, keapsom: f 16.111,00; hat yn 1820 in skuld by Magdalena Zeper, widdo Ludolf Reinier Wentholt te Ljouwert fan f 10.5000,00;
x Berltsum (dan beide fan St.-Jabik) 7-6-1765
Aaltje Thomas (postúm De Groot) * Nijtsjerk omstrings 1772 † Furdgum 10-5-1830, 58 jier, nr F4; dr f. Thomas Sjoerds en Maaike Dirks; Aaltsy hiert yn 1825 sate en boulân nr 4 te Furdgum fan Albertus Telting te Frjentsjer foar sân en seis jier; hier f 1.400,00 yn ’t jier; se ferkeapet op 19-3-1824 in sate ûnder Furdgum oan Reiner Fontein te Frjentsjer, keapsom: f 20.100,00.
IV
Soan:
Cornelis Klazes van Gelder * St.-Jabik 18-9-1796 † Furdgum 1-6-1864, boer te Furdgum; yn 1829 kommittearde foar Furdgum oangeande slatten en slaan fan strykdammen; tsjerkfâd te Furdgum; hiert yn 1847 foar sân jier in pleats en lân ûnder Furdgum fan Albertus Telting te Frjentsjer foar f 1.745,00 yn ’t jier;
x Barradiel 30-11-1822
Binke Jans la Fleur * Tsjummearum, boerinne te Furdgum, yn 1868 rintenierske dêr; dr f. Jan Daniels la Fleur, boer te Tsjummearum, en Froukje Tjeerds Andringa.
V
Bern, ûnder oaren:
1 Klaas Cornelis van Gelder * Furdgum 8-3-1832 † Tsjummearum 30-11-1868, nr 12; by trouwen sûnder berop te Furdgum, koaltsjer te Tsjummearum;
x Barradiel 6-3-1863
Jantje Tjitses van der Weg (suster fan Bauke V3) * Easterbierrum 1-9-1833, winkelfrou te Easterbierrum, dr f. Tjitse Jans van der Weg, 1830 arbeider te Easterbierrum (op ’e âlderspleats tink), yn 1831 dêr boer, en Johanna Pieters Molenaar, widdo fan Tsjisse syn broer Thijs Jans van der Weg; yn 1863 boerinne te Furdgum; Jantsy x 1 Barradiel 23-8-1851 Foppe Gerbens Andringa * Kleaster Lidlum 1-3-1829 † Tsjummearum 17-11-1860, arbeider te Tsjummearum, sn f. Gerben Pieters Andringa, boer en bakker te Tsjummearum, en Tyttie Foppes Laansma.
2 Jan Cornelis van Gelder * Furdgum 24-3-1835 † dêr 12-12-1844, nr 4.
3 Akke Cornelis van Gelder * Furdgum 3-11-1840 † dêr 22-6-1881 [] Furdgum;
x Barradiel 6-3-1863
Bauke Tjitses van der Weg (broer fan Jantsy V1) * Easterbierrum 17-1-1838 † Frjentsjer 25-2-1914 [] Furdgum; boer te Furdgum, dêr tsjerkfâd; sn f. Tjitse Jans van der Weg, yn 1830 arbeider te Easterbierrum, yn 1831 dêr boer, en Johanna Pieters Molenaar, yn 1863 boerinne te Furdgum; Bauke x 2 x Barradiel 31-5-1882 Henke Jans Westra * Seisbierrum 2-1-1842 † Frjentsjer 29-5-1915 [] Furdgum; dr f. Jan Harmens Westra, koaltsjer te Seisbierrum, en Zara Regina Hermanus Out Joha.
Sjoch: Erfgoed Fundaasje – Genealogy Westra
VI
Soan fan V3:
Klaas Baukes van der Weg * Furdgum 23-5-1874 † 14-11-1957 [] Furdgum, boer op Camstra State Furdgum;
x Ljouwerteradiel 2-4-1913
Tetje Annes van der Hem * Wurdum 25-8-1885 † Ljouwert 6-1-1978 [] Furdgum, dr f. Anne Sjoerds van der Hem, greidboer op De Him ûnder Wurdum, en Yfke Gerbens Heslinga.
Klaas Baukes van der Weg en Tetsje Annes van der Hem. Foto: Mellema, Ljouwert
Boppe en ûnder: Camstra State te Furdgum neffens tekeningen fan Ids Wiersma, boppe sinjeard 3-6-1938
(Boarne: Klaas Jaspers van den Akker – Van de mond der oude Middelzee – Schetsen uit het oude leven op het land en uit het boerenbedrijf, Friesche Maatschappij van Landbouw, Ljouwert 1947)
VII
Dochter:
Akke van der Weg * Furdgum 28-2-1916 † St.-Jabik 5-12-1948 [] St.-Jabik;
x
Jan Klazes Kramer * St.-Jabik 4-2-1912 † 14-9-1995 [] St.-Jabik, boer an ’e Ouwedyk onder St.-Jabik, sn f. Klaas Jarigs Kramer, boer an ’e Ouwedyk onder St.-Jabik, en Rinske Jans Hoogland.
VIII
Kines:
1 Klaas Kramer * Ouwedyk 906 onder St.-Jabik 10-9-1938 † St.-Anne 19-9-1999 [jiske] St.-Jabikg; boer en eerpelkweker an ’e Ouwedyk 906 onder St.-Jabik; kweker fan ’t ras: Oscar; foorsitter Rie fan Tafersjoch Iedappelkwekersorganisaasje N.V. FOBEK (Foar Boer en Keapman);
x ’t Bildt 23-11-1961
Anna Bootje de Boer (Annie) * St.-Jabik 28-7-1939, dr f. Jarig de Douwes Boer, boer an ’t Súdeand te St.-Jabik, en Jeltje Dirks Boonstra
2 Tettje Kramer * Ouwedyk 906 onder St.-Jabik 7-6-1941
x
Pieter Hilarides * Penjum 18-1-1940 † 18-5-2002, boer op Pybema state ûnder Penjum (de Hilarides-stampleats), sn f. Dirk Pieters Hilarides, boer op Pybema state ûnder Penjum, en Anna Johanna de Jong.