Jensma, Sietske Cornelis – 1867

Foarwerp: sulveren leppel mei geboarte-ynskripsje.
Ynskripsje om de râne hinne fan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters:
Sietske Cornelis Jensma is geboren den 13 October 1867
Stâltype:
Stâlbekroaning: jager mei hoed
Lingte: 21,4 sm
Gewicht: 63 gram
Masterteken: G. Land, Frjentsjer
Jiermerk: 1867
Bewarring: Grietje Martha Madhuizen (2017)
Sulverdeskundige: Jan Schipper
Fotograaf: Jaap Schaaf/Het Hoge Noorden

Famyljeferbannen fererving

Sietske Cornelis (ek: Kornelis) Jensma * Minnertsgea 5-10-1867 † dêr 13-6-1868, dr f. Kornelis Goffes Jensma * Hallum 30-12-1822 † Minnertsgea 15-5-1882, boer op Lyts Tsjessinga te Minnertsgea, (giet fallyt yn 1867 – it jier dat Sytske geboaren is. Neffens famylje-oerlevering offere Knillis tefolle oan Bacchus, syn neiteam wie dêrfoaroer lang wars fan in slokje), sûnt 1867 is er arbeider op deselde pleats by syn omkesizzer Dirk Gosses Jensma (* Feinsum 1842  † Grins 1909, sn f. Gosse Goffes Jensma, boer op Balkein ûnder Feinsum, dêrnei te Westernijtsjerk en op De Boterhoek ûnder Hallum, en Janke Dirks Miedema), x Barradiel 14-5-1853 Metje Johannes Osinga * Menaam 29-1-1836 † Minnertsgea 9-6-1893, dr f. Johannes Louws Osinga, boer te Menaam, en Nieske Doekeles Tolsma
suster:
Sytske Kornelis Jensma * Minnertsgea 21-5-1872 † St.-Jabik 7-6-1942, x It Bilt 21-5-1896 Albert Franses Ronda * St.-Jabik 1-8-1867 † dêr 23-3-1944, arbeider dêr, sn f. Frans Piers Ronda, arbeider te St.-Jabik, en Trijntje Feikes Prosje.
Sytske en Albert hawwe in dochter: Metje Ronda * St.-Jabik 28-8-1901 † 17-1-1981, x Roelof Wijnsma * 8-7-1901 † 2-5-1981, mar de geboarteleppel is fererfd oan Sytske har broer Goffe:
broer:
Goffe Kornelis Jensma
* Minnertsgea 14-5-1854 † Ljouwert 16-8-1937, arbeider te Minnertsgea, x Barradiel 15-5-1880 Wytske Jans Helder * Minnertsgea 3-8-1856 † dêr 12-4-1931, dr f. Jan Simons Helder, weinmakker te Minnertsgea, en Metje Jelles Walda
dochter:
Klaaske Goffes Jensma
* Minnertsgea 21-9-1887 † dêr 9-11-1966, x Barradiel 25-5-1912  Sytse Gerrits Elsinga * Minnertsgea 26-1-1888 † 14-4-1981, gernier dêr en dir. ZPC-Minnertsgea, sn f. Gerrit Adams Elsinga, arbeider (1888), gernier (1918) en boer (1920) te Minnertsgea, en Maartje Tjerks Kingma
soan:
Tjerk Sytses Elsinga
* Minnertsgea 27-9-1926 † dêr 26-6-1985, gernier te Minnertsgea, x Barradiel 18-9-1951 Grietje Zwart * Minnertsgea (yn ’t skip) 24-4-1927 † St.-Anne (Fan Haarenshuus) 17-5-2016, dr f. Sjoerd Jacobus Zwart, skipper en koalehanneler te Minnertsgea, en Sipkje Lautenbach
dochter:
Klaaske
(Klaske) Elsinga * Minnertsgea 17-5-1954, x Barradiel 9-8-1974 Hette Madhuizen * Assen 22-9-1951, wurksum by de KPN, sn f. Luitzen Madhuizen, agint RVS, en Martha van der Weij
dochter:
Grietje Martha (Margriet) Madhuizen * Minnertsgea 8-4-1979.

Ferneaming Sytske

Sytske (ek: Sijtske, Sijtsche, Sietske, Sietsche, Sytscke, ensfh.):
foar in part mooglik út Aldfrysk side = sede of sith = meistanner;
foar in part út Sigizo, Sizo, ienstammige ferkoarte flaaifoarm fan Germaanse nammen mei sigi, si = sege, oerwinning. (Dr J. van der Schaar – Woordenboek van voornamen)

1 Sytske Cornelis Jensma * 1867

muoike:
2 Sytske Johannes Osinga * 1831

muoike:
3 Sytske Doekeles Tolsma * 1791

beppe:
4 Sytske Minnes Cuperus * 1721

suske:
5 Sytske Minnes Cuperus * 1720

beppe fan memmes kant:
6 Sytske Sjoerds

beppe fan heites kant:
7 Sytske Andles * 1675

mem fan 7:
8 Sytske Jans 

1 Sytske Cornelis Jensma * 1867, is tink neamd nei de suster fan har mem Metje Johannes Osinga:
2 Sytske Johannes Osinga
* Menaam 13-2-1831 † Tsjom 25-1-1863, x Frjentsjeradiel 26-10-1850 Wytze Gerrits Hilverda * Tsjom 22-3-1829 † dêr 11-8-1891, boer te Tsjom, sn f. Gerrit Wytzes Hilverda, boer te Tsjom, en Eeke Wybes Anema; Wytze x 2 1864 Ymkje Klazes de Vries, x 3 1876 Antje Jans Hiddinga
muoike fan Sytske, suster fan har mem Nieske:
3 Sytske Doekeles Tolsma
* Bitgum 21-7-1791 † Menaam 11-5-1824, x 18-10-1807 Johannes Sjoerds Osinga * Menaam 29-9-1779 † dêr 25-5-1824, boer dêr, sn f. Sjoerd Johannes Osinga, boer te Menaam, bysitter en meirjochter fan Menameradiel, en Eelkje Wopkes Tolsma
heit fan Sytske en Nieske:
Doekele Aukes Tolsma * Marsum 26-2-1747 ~ dêr 30-4-1747 † Bitgum 13-1-1819, boer te Bitgum, sn f. Auke Doekeles Tolsma, boer te Marsum, en Sytske Minnes Cuperus; x Bitgum 14-1-1787 Tjamke Jacobs Hempenius * Berltsum 1763 † Bitgum 26-10-1831, boerinne te Bitgummole, dr f. Jacob Elias en Nieske Hendriks; Doekele x 1 Ingelum 6-2-1780 Sytske Arjens Osinga * Bitgum 7-2-1751 † Marsum 10-10-1783 dr f. Arjen Jans Osinga, boer te Menaam, en Ymkje Jans, widdo fan Sybe Gerlofs Baarda (* Ingelum 1743 † dêr 1774)

Sytske Doekeles Tolsma soe neamd wêze kinne nei de earste frou fan har heit, Sytske Arjens Osinga, mar nei de beppe fan heites kant leit mear foar de hân, dat is:
4 Sytske Minnes Cuperus
* Menaam 21-2-1721 † Marsum 24-4-1807, x Auke Doekeles Tolsma ~ Marsum 19-6-1712 † dêr 2-12-1782, sn f. Doekele Wopkes Tolsma, boer te Marsum, en Jeltje Aukes
Sytske hat in suske hân mei deselde namme:
5 Sytske Minnes Cuperus
* Menaam 8-9-1720
Sytske is in dochter fan:
Minne Klazes Cuperus * Deinum -5-1697 † dêr 23-3-1736, boer te Deinum, sn f. Klaas Jans Cuperus, boer, x Trijntje Johannes * Goaiïngea omstrings 1700 † Deinum 5-9-1739
Trijntje Johannes is in dochter fan:
6 Sytske
Sjoerds en Johannes Harmens.
Minne Klazes Cuperus is in soan fan:
Klaas Jans Cuperus * Berltsum 5-2-1653 † Deinum 14-2-1732, boer te Deinum, Doopsgesind learaar, x
7 Sytske Andles * 1675 † Deinum 27-6-1725, dr f. Andele Bouwes en
8 Sytske Jans
Sytske Minnes Cuperus kin neamd wêze nei har beide beppes:
6 Sytske Sjoerds
, en
7 Sytske Andles.

Sjoch ek:
-Goffe Jensma: Jensma – een boerengeslacht uit het Noorden van Friesland, eigen behear, Ljouwert, 1979
-Erfgoed Fundaasje – Goud en sulver erfgoed – Jensma, Goffe Watzes – 1884