Viersen, Jetske Feddes – 1883


Foarwerp: sulveren leppel mei geboarteynskripsje
Ynskripsje om de râne hinne fan ’e bûtenkant fan ’e bak, yn skriuwletters:
Jetske Feddes Viersen geboren 18 October 1883
Stâltype: flochten
Stâlbekroaning: de Leafde
Lingte: 18 sm.
Gewicht: 75 gram.
Masterteken: gjin
Jierletter:  H = 1817 De leppel is dus 66 jier earder makke as dat Jetske him krige, mooglik is in eardere ynskripsje fuorthelle
Bewarring: E. Dijkstra-Bierma (2017)
Silverdeskundige: Jan Schipper
Fotograaf: Jaap Schaaf/Het Hoge Noorden

Famyljeferbannen erfgenamten

Jetske Feddes Viersen * Tsjom 20-10-1883 † Ljouwert (Diakonessehûs), wenjend te Tsjom 11-3-1905, diakones, dr f. Fedde Tjerks Viersen * Hjelbeam 4-8-1838 † Tsjom 5-4-1883, boer te Tsjom, sn f. Tjerk Feddes Viersen, boer te Hjelbeam, en Yfke Kornelis Sytsma; Fedde x 1 Frjentsjeradiel 5-5-1860 Louisa Watzes Bakker * Hitzum 18-8-1837 † Tsjom 11-12-1873, dr f. Watze Louws Bakker, boer te Hitsum en Tsjom, en Trijntje Romkes Risselada; Fedde x 2 Frjentsjeradiel 7-8-1874 Tjitske (ek Tjietske) Nannes Tanja * Achlum 30-6-1838 † Tsjom 22-5-1920, boerinne te Tsjom, 2-5-1894, mei-oprjochter fan ’e Coöperatieve Stoomzuivelfabriek Achlum, 1903 sûnder berop te Koudum (dêr’t har dochter Tetsje dan kreamheinster is), yn 1905 sûnder berop te Tsjom, dr f. Nanne Cornelis Tanja, boer te Achlum, en Tetje Pieters Koopmans.
Tjitske x 1 Frjentsjeradiel 16-5-1861 Douwe Douwes Hoitinga * Achlum 21-7-1838  † dêr 24-7-1870, boer te Achlum, sn f. Douwe Douwes Hoitinga, boer te Achlum, en Hinke Joukes de Vries

Jetske har heit Fedde Tjerks Viersen. Hy ferstjert seis moanne foar Jetske har berte. Jetske is úteinlik mooglik ferneamd nei har oerbeppe Jetske Tjerks Rintjema x Fedde Jacobs Viersen, boer te Jannum

hoewol’t Jetske wol twa ’folle’ susters hat, fererft de leppel oan in healbroer fan har:
Nanne Douwes Hoitinga
* Achlum 21-3-1862 † Deinum 20-1-1918, boer te Tsjom en Deinum, x Frjentsjeradiel 25-5-1882 Eeke Wytzes Hilverda * Tsjom 12-3-1861 † Ljouwert (wenjend te Deinum) 22-3-1917, dr f. Wytze Gerrits Hilverda, boer te Tsjom, en syn earste frou Sytske Johannes Osinga
dochter:
Sietske Nannes Hoitinga * Tsjom 8-8-1890 † 1-6-1964, x Frjentsjer 2-11-1911 Roelof Wytzes Schuiling * Minnertsgea 18-4-1887 † 21-2-1963, boer op Doayum ûnder Hitsum, sn f. Wytze Roelofs Schuiling, boer te Minnertsgea, en Wytske Sippes Westra
dochter:
Eeke Roelofs Schuiling
* Doayum ûnder Hitsum 15-1-1912 † Ljouwert (Diakonessehûs) 25-1-1977, priiswinster mei hurdriden op redens, x Frjentsjer 2-6-1932 Willem Goffes Wassenaar * Minnertsgea 14-11-1903 † Tsjom 25-5-1984, hier-greidboer Minnertsgea, eigen boer sûnt plm 1963 op Doayum ûnder Hitsum, sn f. Goffe Willems Wassenaar, greidboer yn ’e Minnertsgeaster Mieden op de ‘Lange Schuur’, en Grietje Dirks Jensma
dochter:
Sietske Grietje Wassenaar
* Minnertsgea 27-10-1937, buorket mei har broer Goffe fan 1953 oant en mei 1963 op har eigen pleats te Hitsum, giet in jier nei Kalifornië, dêrnei yn tsjinst by de direkteur fan ’e Harmonie te Ljouwert (treft yn ’e Harmonie har lettere man), x Frjentsjer 29-12-1967 Dirk Ids Bierma * Brantgum 15-1-1942 † Ljouwert (MCL) 15-2-2014, bouboer te Brantgum, sn f. Oege Dirks Bierma, boer sûnt 1939 te Brantgum, sûnt 1944 op Jeltinga state ûnder Britsum, en Dirkje Klazes Hovinga
dochter:
Eeke Bierma * Ljouwert (Diakonessehûs) 21-10-1968, technys ûnderwiisassitint (Toa) te Burgum, x Dokkum 24-5-1996 Sjolle Gerrit Dijkstra * Brantgum 8-3-1965, bouboer te Brantgum, sn f. Douwe Sjolles Dijkstra, boer te Brantgum, en Jantje Antje Stapenséa.

Sjoch ek: Wassenaar, Goffe Willems – 1870