Kolleksje Boelstra-Boelstra
Sân sulveren sierleppels út it erfskip fan Trijntje Johannes Boelstra en Siebe Siedses Boelstra (sjoch nr 6). Partikuliere kolleksje
Stúdzje en registraasje merktekens: Jan Schipper (www.zilverstudie.nl)
Sulverfotografy: Het Hoge Noorden-Jaap Schaaf (www.hogenoorden.nl)
1
Beskriuwing
Sulveren sierleppel mei tink- en geboarteynskripsje.
Stâltype: flochten.
Lingte: 18,4 sm.
Gewicht: 60 gram.
Masterteken: Regnerus Elgersma, wurke fan 1750-† 1777. Dat betsjut dat de leppel postúm makke is foar Klaske Durks, geboaren yn 1703, mooglik fyftich, sechstich jier neidat se libbe. (Fan it treddde fearnsjier fan ’e 18e ieu oant 1807 wurdt meastenstiids allinne it masterteken op ’e leppels oanbrocht, dêrnei ek de jierletter.)
Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak, oan ’e râne yn ’e rûnte, yn skriuwletters:
Klaaske Durks Gebooren Den 27 April 1703
idem, yn ’e midden oerdwars:
Ytje Pijters/ Brouwers/Geb den 15 Feb/1817
Wa is Klaske Durks? Dêr wurdt noch ûndersyk nei dien.
Ytje Pieters Brouwers * Stiens 13-2-1817 † dêr 4-11-1879, dr f. Pieter Willems Brouwers, boer, en Grietje Joutes van der Werff, x Ljouwerteradiel 9-6-1836 Johannes Tjeerds Boelstra * Stiens 22-6-1811 † dêr 25-12-1846, boer op Truerd (Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân, sn f. Tjeerd Siedses Boelstra, boer te Stiens, en Sjoukje Pieters.
Ytsje Brouwers is de skoanmem fan Tryntsje Minnes Andringa, sjoch 4.
2
Beskriuwing
Sulveren sierleppel mei ynskripsje oangeande ferstjerren.
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: yn in applykje in famkesfiguer (medaljon, typys 19e ieu).
Lingte: 18,7 sm. Gewicht: 50 gram.
Masterteken: fersliten, net te lêzen. Jierletter: K = 1819.
Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak, oan ’e râne yn ’e rûnte, yn skriuwletters:
IJfke Aans is Overleden den 13 Novr. 1836 Oud 16 Jr 9 m 8 dg
Yfke Aans Andringa * Koarnjum 5-2-1820 † dêr 13-11-1836, dr f. Aan Sybrens Andringa, boer te Koarnjum, en Trijntje Minnes Cuperus.
Yfke is in suster fan Minne Aans Andringa, sjoch 3.
3
Beskriuwing
Sulveren sierleppel mei geboarteynskripsje.
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: de leafde.
Lingte: 18,7 sm. Gewicht: 49 gram.
Masterteken: HA 181 = H. Adema, Ljouwert.
Jierletter: P = 1849.
Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak, oan ’e râne yn ’e rûnte, yn skriuwletters:
Jacob Minnes Andringa is Geboren den 19 Maart 1845 /te Menaldum
Jacob Minnes Andringa * Menaam 19-3-1845 † Feinsum 2-2-1871, boer te Menaam, sn f. Minne Aans Andringa, boer te Menaam, en Christine Jacobs Twijnstra, x Ljouwerteradiel 9-6-1867 Richtje Hyltjes Hoekstra * Feinsum 11-11-1848 † Ljouwert 25-10-1939, dr f. Hyltje Gaeles Hoekstra, boer te Feinsum, en Tietje Reinders Hoekstra.
Jabik en Richt hawwe gjin bern, sadat Jabik syn berteleppel fererft oan syn suster Tryntsje Minnes Andringa, sjoch 4.
4
Beskriuwing
Sulveren sierleppel mei geboarteynskripsje.
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: de leafde.
Lingte: 18,7 mm. Gewicht: 49 gram.
Masterteken: CR 99 = Cornelis Ringenoldus, wurksum te Oldemarkt: kurieus dat in leppel út Oerisel yn Menaam telâne komt. Jierletter: D = 1863.
Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak, oan ’e râne yn ’e rûnte, yn skriuwletters:
Trijntje Minnes Andringa geboren den 30 January 1849 te Menaldum
Trijntje Minnes Andringa * Menaam 29-1-1849 † Stiens 30-6-1912, dr f. Minne Aans Andringa, boer te Menaam, en Christine Jacobs Twijnstra, x Ljouwerteradiel 20-5-1869 Tjeerd Johannes Boelstra * Stiens 6-12-1846 † dêr 27-7-1900, boer op Truerd (no: Truerderdyk 24) op it Stienzer Aldlân, sn f. Johannes Tjeerds Boelstra, boer op Truerd op it Stienzer Aldlân, en Ytje Pieters Brouwers, sjoch 1.
5
Beskriuwing
Sulveren sierleppel mei geboarteynskripsje.
Stâltype: flochten. Stâl is in bytsje ferbûgd.
Stâlbekroaning: hynder (moai plastys werjûn).
Lingte: 18,7 mm. Gewicht: 49 gram.
Masterteken: HA 181 = H. Adema, Ljouwert. Jierletter: I = 1868.
Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak, oan ’e râne yn ’e rûnte, yn skriuwletters:
Johannes Tjeerds Boelstra geboren den 13 January 1872
Johannes Tjeerds Boelstra * Stiens 13-1-1872 † dêr 25-12-1943 [] dêr, boer oan ’e Truerderdyk ûnder Stiens, sûnt 1912 rintenier te Stiens dêr’t er in hûs sette lit oan ’e Langebuorren, sn f. Tjeerd Johannes Boelstra en Trijntje Minnes Andringa, sjoch 4, x Ljouwerteradiel 6-5-1893 Jetske Karsjens Kalma * Britsum 8-12-1872 † Stiens 9-3-1937, dr f. Karsjen Jacobs Kalma, boer op ’e Gasthúspleats (eigner Poptagasthûs Marsum) te Britsum, bûterhanneler en terpbaas, en Tietje (ek Detje) Pieters Brouwers.
6
Beskriuwing
Sulveren sierleppel mei geboarteynskripsje.
Stâltype: flochten.
Stâlbekroaning: de leafde.
Lingte: 18,5 sm. Gewicht: 59 gram.
Masterteken: net lêsber.
Jierletter: L = 1895.
Ynskripsje oan ’e bûtenkant fan ’e bak, oan ’e râne yn ’e rûnte, yn skriuwletters:
Trijntje Johannes Boelstra geboren te Stiens 23 October 1896
Trijntje Johannes Boelstra * Stiens 23-10-1896 † dêr 30-11-1946 [] dêr, x 23-5-1918, nei de betide dea fan har man hâldt Tryntsje boelguod; mei har dochter wennet se tenei yn by har heit en mem te Stiens, dr f. Johannes Tjeerds Boelstra, sjoch 5, en Jetske Karsjens Kalma; x 23-5-1918 Siebe Siedses Boelstra * Froubuorren 26-6-1892 † Stiens 20-12-1921 [] dêr, boer op ’e Bûtenskilwei 42 ûnder Stiens, sn f. Sieds Siebes Boelstra, boer te Stiens, en Sjoukje Jans Postma.
7
Beskriuwing:
Sulveren bûljonleppel.
Stâltype: egaal, net bewurke.
Stâlbekroaning: gjin.
Lingte: 18,2 sm. Gewicht: 65 gram.
Masterteken: Reinder Willem Kijlstra, Ljouwert.
Jierletter: R = 1927.
Ynskripsje op achterkant hollenein stâl:
J.T.B/13-1-27
J.T.B.: inisjalen fan Johannes Tjeerds Boelstra, sjoch 5.
Meidieling fan T.A. Hoogland (oerpakesizzer): Jehannes krige dizze leppel op syn 55ste jierdei, hy iet dêr tenei altyd mei.